Page 1

EASTEREIN maaie 2020

DOARPSKRANTSJE


Couperus Hydrauliek uw specialist voor hydraulische systemen, aandrijftechniek en machinebouw.

Kwaliteit staat bij ons voorop. Onze uitstekende dienstverlening, de persoonlijke aandacht voor elke klant en het meedenken in een oplossing in de technieken die afhankelijk zijn van oliedruk, zijn daarvoor het bewijs. Wij zijn dan ook snel in staat om op een vakkundige manier storingen te verhelpen, reparaties uit te voeren of nieuwe machines voor u te ontwikkelen. Wij leveren onder andere de aggregaten en machines voor bijvoorbeeld de kunststofindustrie, destructiebedrijven, papierverwerkende industrie, landbouw en de scheepvaart. Daarnaast bouwt Couperus Hydrauliek ook eigen machines. Zo hebben wij ervaring met het bouwen van: • Miniheistellingen• JPL-Persen • Plamuurpersen • Krammenpersen • Palenkrakers • Kielklemmen Door de steeds strenger wordende regelgeving omtrent veiligheid en milieu, leveren wij CE gekeurde systemen en machines. Dit geeft u dus de zekerheid dat u een goed product koopt bij een deskundige en betrouwbare leverancier.

Couperus Hydrauliek BV | Fabrykswei 9 | 8734 HV te Easterein info@couperushydrauliek.nl | T 0515-332288 | F 0515-331640


Kolofon

Nûmer 5 – Maaie 2020 Redaksje: Bauke de Boer Marijke de Boer Paul David Meesters Nathalie Oliveiro Einredaksje: Amarins de Haan Foto foarside: Hans Kooistra Opmaak: Froukje Dijkstra Printwurk: Drukkerij Van der Eems Kopij Doarpskrantsje: doarpskrante@easterein.nl as by Nathalie Oliveiro, Dobbelân 7 Webside Easterein.nl: info@easterein.nl Twitter: @easterein_frl Facebook: Fraach&oanbod&sa Advertinsje? Mail nei doarpskrante@easterein.nl Rekkennûmer: NL70 RABO 0349 5017 26 û.f.f. Doarpskrante De redaksje fan de Doarpskrante stelt har net oanspraaklik foar de ynhâld fan ynstjoerde stikken. De redaksje behâldt har it rjocht foar om artikels yn te koartsjen of mooglik te redigearren. Troch it ynstjoeren fan tekst- as beeldmateriaal jouwe jo tastimming foar it fermannichfâldigjen hjirfan.

Kopijdatum: Woansdei 27 maaie



Doarpsaginda April 06 maaie

07:30-08:30

Grize kontener

09 maaie

09:15-10:15

Ald papier Wilhelmina

13 maaie

07:30-08:30

Griene kontener

20 maaie

07:30-08:30 18.00-19.30

Grize kontener Voedselbankactie diaconie PKN gemeente

27 maaie

07:30-08:30

Griene kontener Lêste ynleverdei kopij Doarpskrante

Maaie 03 juny

07:30-08:30

Grize kontener

Dizze ynformaasje komt fan easterein.nl en út de mailtsjes dy’t wy krije. Ha jo ek wat foar de doarpsaginda? Mail it dan nei doarpskrante@easterein.nl

Yn it doarpskrantsje stiene in oantal aktiviteiten neamt. Jimme sille begripe dat dizze yn it ramt fan de korona spitigernôch net troch gean.


Hiel Easterein Bakt! Eltse moanne hat Annabeth in hearlik resept foar ús Eastereiners. As redaksje binne wy wol tige nijsgjirrich nei de resultaten fan dizze baksels. Lit it ús witte en stjoer in foto fan it resultaat. Meisto sels ek graach bakke en hasto in topresept wat eins elkenien ris meitsje moat? Stjoer dan it resept, mei foto, nei de redaksje fan de doarpskrante.

Us befining yn de koronatiid Sneon 14 maart binne wy foar de twadde kear pake en beppe wurden. In famke Mette Yldau. Op besite kinne we net. Dat sa no en dan efkes op it fytske nei Reahus en ha we (K)raam besite. De foto is wol moai makke, it is krekt as ha ik har yn myn earms troch de spegeling fan de ruten.

Tige spitich fansels mar alles foar de sûnens. We hoopje yn elts gefal dat we ynkoarten beide pake en beppesizzers wer oankrûpe kinne. Ik wit wol seker dat dy pakes en beppes der mear binne, dy neat leaver dogge om efkes krûpe te kinne mei harren lytsbern. gr Tettje


Bêste doarpsgenoaten, Wat ha ik in kaarten, blommen en tillefoantsjes krigen, mei myn ferbliuw yn it sikenhûs, Bloemkamp en thús. It wie geweldich! Ik wol jim, ek út namme fan myn man, der tige foar betankje! Groet, Yt Scheltema-Bergsma

Ut de g fan... húshâldin dit? e Wa binn



Beste Eastereiners, We hiene it graach oars sjoen en we ha (miskien tsjin better witten yn) ek lang wachte om it te besluten, mar it is no wol dúdlik foar eltsenien: der binne yn juny gjin doarpsfeesten. De rigels fan it regear litte it net ta en bin dúdlik wat dat oan giet. We wiene fansels al drok mei de tariedings: bands wiene boekt, tinte besteld, spultsjes betocht en sa fuort hinne. Wa wit kin we yn ’e hjerst as winter noch in feestje organisearje mar dan moatte der earst wer wat mear mooglikheden wêze. Jim hearre fan ús! Foar no wolle wy eltsenien sterkte winskje yn dizze frjemde tiid en hâld de kop der foar! Groetnis, De Oranjeferiening Oranje & Heitelân Jan Jetze, Klaas, Vera, Frida, Hieke, Christiaan, Hendrik, Jelte, Johannes

Ut de âlde doaze Wat kin wat oer dizze foto fertelle? Wat is it jiertal? En wa soene de minsken wêze dy’t op de foto stean?


De Hobby fan …. Interview met Halbe Overal, penningmeester van de Folkstunferiening Easterein

Door Maaike Dekker en Paul David Meesters

“Niets mooier dan een moestuin…. De Folkstunferiening heeft plek voor nieuwe leden!”

Voor elke Eastereiner is het een vertrouwde dorpsplek: het volkstuinenterrein, tussen de Streek en de Skoallestrjitte. Ooit opperde iemand het perceel te bebouwen, maar daar bleek onder de dorpsbevolking absoluut geen draagvlak voor en het plan verdween snel van tafel. De toenmalige Gemeente Littenseradiel kende het volkstuincomplex samen met het omringende water een bijzondere cultuurhistorische waarde toe, waarmee de speciale plek die de tuinen in het dorp innemen werd bekrachtigd. Zwaar geschut Elk voorjaar start de bedrijvigheid op de tuinen met het bewerkbaar maken van de grond na de winter. Pier Faber, een van de volkstuinders, werkt met een speciale frees de kleigrond om zodat deze weer zaaiklaar is voor een nieuw seizoen. Dit jaar moest er echter zwaarder geschut aan te pas komen. Door de combinatie van een natte, vorstvrije winter gevolgd door droogte in het vroege voorjaar was de grond zo hard als beton. Een grote trekker met een zware frees moest ditmaal enkele malen over het land heen om voldoende resultaat te behalen. Het zaaien en planten kon daarna beginnen en kan helemaal los als straks de IJsheiligen (15 mei) gepasseerd zijn en er geen kans meer is op nachtvorst. Van oudsher De grond van de volkstuinen behoort van oudsher toe aan de kerk. In vroeger tijden konden vooral mensen met een krappe beurs bij de kerk aankloppen om


een stukje land te bewerken voor eigen gebruik. In 1978 werd besloten tot de oprichting van een Folkstunferiening. Deze kreeg de grond in pacht, waarmee de kerk de beheertaak kon uitbesteden. Klaas Kooistra, destijds notabele van de kerk, werd de eerste voorzitter. Bij de start kende de vereniging 25 leden en was er zelfs een wachtlijst. Halbe zelf kwam met zijn vrouw Tineke in 1979 van elders in het dorp weer aan de Streek te wonen. Ooit werd hij daar geboren in wat nu de boerderij van de familie Sijbesma is. Vanuit hun nieuwe woning keken Halbe en Tineke uit over de volkstuinen, waarmee de stap naar een volkstuinperceel letterlijk en figuurlijk wel heel klein was. Halbe herinnert zich de volkstuinen trouwens nog goed uit zijn jeugd, toen zijn ouders er ook een stukje bebouwden. Vanaf de Streek kwam je toen achter de bakkerij om via een loopplank op de tuinen. Halbe zal een jaar of vier, vijf zijn geweest toen hij zijn evenwicht op de plank verloor en pardoes in de sloot belandde. De bakkersknecht wist hem gelukkig uit het water te vissen. Het bestuur In 1994 volgde Halbe penningmeester Durk van Beem op. Sicco Scheltema was toen al voorzitter en is dat, inmiddels 85 jaar oud, nog steeds. Door de jaren heen is het ledental van de vereniging teruggelopen tot het huidige aantal van zes: naast Halbe, Sicco en Pier zijn dat Egbert de Vries, Jan Rispers en Eppie Heins. Dat kleine ledental vindt Halbe spijtig en ook wel zorgelijk voor de toekomst. Het blijkt moeilijk om nieuwe leden te werven. Verser kan het niet Enthousiasme is er wel, maar vaak schrikt men terug voor het werk dat erbij komt kijken. Terwijl dat naar Halbe’s ervaring juist reuze meevalt! Na wat tijdsinvestering in het voorjaar om de tuin op gang te krijgen is het vooral een kwestie van bijhouden. Met eens per week met de schoffel de tuin nalopen op onkruid kom je al een heel eind. En wat is er mooier en lekkerder dan een krop sla van je eigen grond? Zo van de tuin op je bord: verser kan het niet. De vette klei is zeer vruchtbare grond. “In principe groeit hier alles”, vat Halbe kort samen. Alle soorten boontjes doen het prima. Ook wortelen zijn gewild. Aardappelen zijn en blijven populair, waarbij je wel per jaar hun plek moet wisselen om aardappelziekte te voorkomen. Een andere stoorzender is de ‘knolpoot’ die het telen van kolen lastig maakt. Maar boerenkool en spuitkool hebben daar gelukkig weinig last van. Sowieso wordt er liefst met biologische bestrijdingsmiddelen gewerkt. Ook voor veel



sierrassen, zoals de kalebas, is succes verzekerd. En bloemen zijn eveneens prima kandidaten voor de volkstuin. Die combineren mooi met de bijenkast die op de tuinen staat. Ronald Mijnen, een imker uit Nijland, zorgt momenteel voor deze kast. Tuinbloopers Af en toe valt er ook wel wat te lachen op de tuin. Halbe herinnert zich van lang terug een stoere postbode die met een grote emmer wel eventjes zijn jaarlijkse boontjesoogst kwam plukken. Hij keek er beteuterd van op toen hij op zijn perceel alleen nog wat bonenstammetjes aantrof: “de eendjes waren hem net voor geweest”. Op een andere manier ging het mis met de echtgenote van een tuinder die ook om bonen werd gestuurd. Hij was verbaasd hoeveel ze had geplukt, zoveel bonen zaten er toch niet aan? De volgende dag bleek dat ze per abuis een ander perceel had geoogst. Nieuwe leden gezocht Nieuwe leden zijn dus meer dan welkom! Ervaring is beslist geen vereiste. Je leert het gewoon al doende, waarbij de medetuiniers (de “oude rotten”) je met tips en adviezen graag in hun kennis laten delen. Ook voor de kosten hoef je het niet te laten. Per jaar bedraagt de verenigingscontributie 5 Euro; en voor een perceel van 115 m2 komt daar net iets meer dan 7 Euro bij. Daarmee heb je een heel seizoen tuinplezier en meestal zoveel opbrengst dat je anderen er ook nog volop in kan laten delen. Letterlijk en figuurlijk een buitenkansje voor een nieuwe liefhebberij in deze tijd waarin er zoveel even niet kan. Voor wie meer wil weten over een volkstuin is Halbe te bereiken via tel. 0515-332011, of loop even bij hem aan op de Streek 22.


Hoe is it no mei…. Esther Vellinga Hoi Eastereiners!!! Myn Namme is Esther Vellinga-de Jong en ik bin 39 jier. Troud mei Jouke de Jong en wy ha tegearre twa jongens, Folkert Thijs die hast 6 jier wurdt en Jorrit Jeen die hast 4 jier wurdt dus twa beukers yn ‘e hûs!! Ik wenje alwer 7 jier yn Skettens, it moast al efkes wenne mar alles went. It wennet hjirre goed. Myn jeugd hat yn Easterein west, ik ha der 19 jier wenne, mei in soad plezier. As lytse pop/baby bin ik ophelle út Beiroet (de haadstêd fan Libanon, it leit oan de middenlânske see) troch myn âlders; Folkert en Gearstje Vellinga-Posthuma. Ik wie doe 10 dagen âld, it wie july 1980. No ik dit skriuw tink ik wat bysûnder..... en wat in gelok en tanker bin ik dochs. Myn broer wie der al twa jier. Op myn 18 jier bin ik mei ús mem werom west om te sjen hoe Beiroet der by lei. Dit wie in yndrukwekkende reis mei in grut kontrast. De Foarbuorren... De moaiste strjitte fan Easterein, it wie in gesellige buert. Der wie altyd wol wat te belibjen, foaral de fersierde weinen foar de optocht yn 't Eastereinder feest, dat fûn ik altyd in hiele moaie tiid. Noch altyd bin ik freondin mei myn buorfamke dy’t doe tsjin oer ús wenne, al hast 40 jier. De Foareker en de muzyk... Ja der ha ik it seker nei myn sin hân, foaral sjonge mei Master Hingst. In muzikaal barren, mei de klas nei Lemmer ta foar opnames. De ferskes op it board ik kin se noch út ’e holle (dêr ha ik no mear muoite mei ;). Letter op muzykles, doe by it jeugdkorps spylje en dernei by


it korps Wilhelmina. Ik spile op de bugel, jammer, want ik woe op saksofoan (noch hieltyd spyt fan). Mar bugels die wienen nedich by it korps, liuw ik. Letter gong ik ek op sjongles, dat wie wol mear myn ding en sjonge by it koar de Stichse Cantorij o.l.v. Rixt Witteveen-Zijlstra. De krystkonserten wienen altyd prachtich om te sjongen. En noch wer letter sjonge yn de band Why Not yn Wommels. Muzyk is echt belangryk ek op in skoalle sa sjoch je mar wer..........;) Nei de legere skoalle Nei de legere skoalle bin ik nei Boalsert gien en altyd op myn fytske. Ik woe yn de uterlike fersoarging en der wurkje ik no ek noch yn, al mear as 20 jier. Nei Boalsert bin ik nei Ljouwert gien, de Friese Poort, dêr ha ik myn diploma helle foar schoonheidsspecialiste/pedicure/aov en visagie en letter ha ik noch drogisterijpapieren helle. En yn ús fak folgje wy regelmjittich trainingen en yn dizze tiid webinars!!! Ik wurkje parttime by Renew&Balance yn Wommels en Workum. De rest fan myn tiid bin ik by de mantsjes, wol der net tefolle fan misse. Mei moai waar binne we oan it fiskjen, fuotbaljen as fytsen. Simmers nei it swimbad yn Witmarsum dat fine de jonges it einde, dus ik ek! Myn Eastereinder hichtepunten!!! • Sjonge mei Wilhelmina en Sebeare en Rients Gratema (15 nov 2003) • Mei de band Why-Not nei Davos ta, oerdei skieën en jûns spylje yn ’e kroech foar it personiel fan it NAD it wie winter (maart 2002). Fia in freondin fan my dy dêr doe wenne en wurke yn it Nederlânske astma centrum Davos (NAD) Switserlân. • Wat in dei sa'n Freule dei......... mei de band spylje by de Jimbar foar. Ek ha wy as band mei dyn oan it 100-jierich jubileum fan de Freule, hjir ha wy ek in cd fan makke de opnames binne makke yn studio Gytsjerk, super leuke ervaring! • Easterein Rocks “You'll never rock alone”............ machtich moai!! • En no as leste dochs echt it doarpsfeest fan Easterein, wat in FEEST!!!!!!


Bergsma

Easterein

Restaurant-partycentrum Sibadawei 2, 8734 HE Easterein Telefoon: 0515 - 331290


Beste Eastereiners, I.f.m. it koronavirus is it seizoen fan de Tsjerne wat oars as oars oan it ein kommen. Gjin beachparty mear en ek it darten dat der sa mei ophâlden is. Dochs kinne we werom sjen op in tige slagge seizoen. In moai Oktoberfest, in spokentocht mei sa’n 160 dielnimmers, Âld en Nij ien in nij en slagge edysje, mar ek de kinderdisco/kinderbingo/filmmiddei wer eltse kear rûn de 40 bern op ôf kamen. Geweldich om te sjen. We wolle jimme tige tank sizze foar jimme kommen nei de Tsjerne en hoopje jimme takom seizoen, nei de simmer, ek wer te sjen. Foar no winskje we elts alle sûnens ta. Freonlike groetnis, It bestjoer fan de Tsjerne

Ek binne we noch op ‘e syk nei frijwilligers en DJ’s Liket it dy aardich om sa no en dan ris efter de bar te stean mei in aktiviteit? Of liket it dy aardich om de bern te fermeitsjen mei muzyk? Stjoer dan in mailtsje nei info@detsjerne.nl. We nimme dan kontakt mei dy op. Mochtest dit brûke wolle foar skoalle dan is dat ek mooglik.


Yn en om Easterein (It paad nei Jellema state) troch Jan Hiemstra

Woene je eartiids mei tilbury of sjees nei wat no Stittenserleane 27 is, dan wie soks in hiel karwei. It begûn al lâns de dyk nei Itens. Der wie it earste obstakel: de Wite Hikke. Dit is no it begjin fan de Stittenserleane.

Op boppesteande aansichtkaart is de Wite Hikke dúdlik te sjen. It doarp hâld dan noch op nei wat no de Sibadawei nrs. 8 en 10 binne. Dy twa nrs. waarden yn 1882 as ien hearehûs boud! Ek links fan de dyk (foar it fabryk) is it dykshûs dat plm. 1910 ôfbrutsen is, noch te sjen; de foto moat dan ek út dy tiid wêze. It hûs stie op it plak der ’t no in knik yn de dyk sit as je fan de Itenserkant it doarp ynkomme. It dûbele hûs Sibadawei nrs. 12 en 14 is earst nei de oarloch boud. Wat op dizze aansichtkaart fierders opfalt binne de houten plato‘s, de stalten, lâns de feart. Fearten wiene yn dy tiid belangryk foar ferbiningen, de foar de ôffier fan wetter (in iepen rioel) en om de wask út te spielen. Foaral simmerdeis wie der meastal in tekoart oan wetter. Der wie noch gjin wetterlieding en de reinwettersbak rekke leech. Dêrom waard der faaks gebrûk makke fan sleatswetter. Boppedat wie sa ’n stalt in moai plakje om te fiskjen…


Troch de wite hikke Gongen je troch de Wite Hikke dan wiene der trije bestimmingsmoochlikheden. Wat no Tsjerkebuorren 5 (dat wie jierrenlang it komelkersspultsje fan Bauke de Jong), Elba en …. de pleats hielendal oan de ein fan de reed. Foardat je dêr wiene hiene je yn alle gefallen simmerdeis, as it fee yn it lân wie, op syn minst sân hikken iepen en ticht dwaan moatten. Rinnende of fytsend wie it wat minder, want dan koene je meastal wol om ‘e hikke. Grouwe boer De pleats waard yn 1844 boud is. Op dat plak hie al in boerespultsje stien. De doedestiids eigener hie lykwols grou jild makke mei it ôfgraven fan terpen en koe op itselde plak in prachtich nij spul, mei in moaie grêft deromhinne, sette litte. Dy eigener wie Ate Klazes Wiersma dy ’t troud wie mei Lysbeth Minnes Oudhuis. Fia harren soan Minne Ates Wiersma dy ’t troud wie mei Henriëtte Aleida Becker, de dochter fan de Eastereiner dominy en harren pake- en beppesizzer Hermina Ates Wiersma, dy ’t troude mei Gerrit Ymes Vellenga kaam de pleats yn Vellenga’s hannen.

Op dizze foto út plm. 1907 sit foar de pleats de Vellenga-húshâlding: soan Yme Gerrits, heit Gerrit Ymes, mem Hermine Minnes, dochter Fokeltje en dochter Henriëtte Aleida. It is in deftige boerehúshâlding. Heit rookt in piip, mem mei it gouden earizer op skinkt yn en de bern sitte der alle trije like kreas by. Se ha it sicht oer it eigen lân op de eastkant fan de tsjerke.


OpFrysker: Ferhâldingswurden dy’t yn it Frysk ôfwike Troch Amarins de Haan

Oer it algemien binne der in protte oerienkomsten tusken it Frysk en it Nederlânsk as it giet om it brûken fan de ferhâldingswurden (voorzetsels). Mar der binne al in tal typyske ferskillen. De wichtichste steane hjirûnder: Dat falt ta Dat falt ôf Ik gean op bêd Fan ’t bêd komme Earne sin oan hawwe

Dat valt mee Dat valt tegen Ik ga naar bed Opstaan Ergens zin in hebben

Yn ‘e wyn op fytse Deryn komme Sy rint by it wetter lâns Oan ’e knibbels ta Hy komt by de treppen del

Tegen de wind in fietsen Binnenkomen Zij loopt langs het water Tot zijn knieën Hij komt de trap af

Sy geane nei skoalle ta Ik gean mei dy Mei de trein Fiif kear yn it jier It wetter rint my ta de skuon út

Zij gaan naar school Ik ga met je mee Per trein Vijf maal per jaar Het water loopt uit mijn schoenen

In piltsje foar de pineholle Ik sykje om myn tas Dêr kin ik net oer Hy leaut noch oan Sinteklaas Ik ha sin oan in kop kofje

Een tabletje tegen de hoofdpijn Ik zoek naar mijn tas Daar kan ik niet tegen Hij gelooft nog in Sinterklaas Ik heb zin in een kop koffie


Fryske fûgelnammen Noch in rychje Fryske fûgelnammen. Ien en oar is fansels net folslein, mar dit binne in soad foarkommende fûgels. Foar wa’t mear witte wol is der by de Afûk in boekje te keap, Fûgels, mei in beskriuwing fan de 200 meast bekende en/of opfallende fûgels fan West- en Midden-Europa, mei de Fryske nammen derby.

Frysk Skierroek Ka Houtekster Goudûle Fjildûle/katûle Reade wikel Brune hoanskrobber Blokfink/blokmies Klyster Kreaklyster Ierdswel Swarte krie (Âld) roek Robyntsje Hoarnûle Mûzefalk, mûzebiter Blauwe wikel Hauk Blaumies Bûnte lyster Toerswel Wytgatswel

Nederlânsk Bonte kraai Kauw (Vlaamse) gaai Kerkuil Velduil Torenvalk Bruine kiekendief Koolmees Merel Grote lijster Oeverzwaluw Zwarte kraai Roek Kneu Ransuil Buizerd Boomvalk Havik Pimpelmees Zanglijster Gierzwaluw Huiszwaluw


Fizel

D R O G I ST E R I J - PA R F U M E R I E

TERP 52, 8731 BA WOMMELS TELEFOON 0515 333 210


Longfondskollekte 11 t/m 16 maaie 2020 Dit jier is de kollekte fan it Longfonds fan 11 o/m 16 maaie. Troch de koronamaatregels sil de kollekte dizze kear digitaal wêze. Graach wol ik jim oandacht freegje foar dizze kollekte, júst ek yn de koronakrisis. Minsken mei in longsykte rinne net mear risiko op besmetting, mar binne wol kwetsberder as se ien kear besmet binne mei it firus. Fierders kin it firus bliuwende skea tabringe oan it longweefsel. Der is mear kâns dat longweefsel ûntstutsen rekket, wêrtroch littekenweefsel ûntstiet. Der ûntstiet sa eins in nije longsykte. It Longfonds is no dwaande om mei oare wittenskiplike organisaasjes te ûndersykjen wat de effekten op de lange termyn wêze kinne fan longskea nei korona. Ek wurdt foar dizze groep minsken in soarchtrajekt opset. Minsken dy’t korona hân ha en klachten hawwe, kinne harren by it Longfonds oanmelde foar ynformaasje en fragen hjirby. Kollektanten kollekteare dit jier fia de app, wêryn’t fia in feilige link mei iDeal betelle wurde kin. Of, dat kin ek, om fia longfonds.digicollect.nl in bydrage te jaan. Fierders binne der noch plannen om posters te meitsjen foar yn de supermerk, mei hjirop in QR koade om fia dizze wei te jild te jaan. We hoopje ek dit jier mei elkoar in moai bedrach op te heljen! Ut namme fan alle kollektanten, Antje van Schepen


Fryslân fan Boppen

Greet Bouma Jeska Terpstra


foto’s v/d Eems (Johan)

Hinke Kuiper

Fam. Yntema, foto makke troch Sjouke Schilstra

Rigt Bergsma


Ingestuurd door Carlie Houtsma




De Pinne Sinds vorig jaar september woon ik, Susan, in een fijn huis op Vrijburg 12 met veel plezier. Hiervoor heb ik in Sneek gewoond. Ik heb twee zonen, Robin van 19 en Martijn van 18. Easterein voelt voor mij erg vertrouwd, vanaf mijn tiende heb ik op de Hidaardersyl gewoond totdat ik op mijn achttiende op mezelf ben gaan wonen. Op mijn tiende ben ik lid geworden van O.D.I. in Easterein, ging later af en toe naar de Tsjerne en nog later op stap in de zaal bij café Bergsma. Ik heb hier fijne herinneringen aan. Ook de periode op Nij Walpert in Wommels was leuk. Veel fietsen, later naar Sneek, daar krijg je een goede conditie van ;-) Warm bad Vanaf het moment dat ik hier ben gaan wonen voelt het als een warm bad. Iedereen groet elkaar, men past op elkaar, dat vind ik erg mooi. Ook de prachtige huizen die hier staan met mooie tuinen, het bakje met groenten van de volkstuin die je kunt kopen, de imposante kerk en de pastorie geven het dorp veel sfeer. Door de weilanden zijn leuke paden om te fietsen en te wandelen, daar maak ik dan ook graag gebruik van. Ik ben doktersassistente en doe een studie tot Yin Yoga docent bij de Nieuwe Yogaschool. Yin yoga werkt o.a. met fascia, een bindweefsel. Daarnaast houd ik van hardlopen, fietsen, wandelen, de natuur, lezen, schilderen, reizen en nog veel meer. Groeten Susan Visser


It wurk fan….Hannah van Krimpen Troch Marijke de Boer

It is 6 april dat wy as redaksje fan ’e doarpskrante in online petear ha oer it kommend doarpskrantsje. It giet oer de edysje dy’t yn it teken moat komme te stean fan 75 jier befrijing. In edysje dy’t no oars as oars ta stân komme moat yn ’e tiid fan corona. Want hja? Hoe dogge je dat? It ôfnimmen fan in ynterview, sûnder by elkoar op besite te gean? Moai waar blykt dan in útkomst te wêzen, wêr troch der in túnpetear plak fine kin. Sadwaande dat ik in pear dagen letter Hannah op 1,5 meter ôfstân moetsje yn ’e eftertún. Hannah (40) komt fan oarsprong út Wommels. As se nei it beheljen fan har HAVO diploma net wit hokker oplieding se folgje wol. It is har mem dy’t har op it idee bringt om krekt as har broer har oan te melden by de Keninklike Marine. Hannah: “Dit fûn ik doe gelyk wol in goed idee. By de Keninklike Marine koe ik net allinnich wat fertsjinje, mar hie ik ek de kâns om in protte te learen en de mooglikheid om wat fan de wrâld te sjen. Om’t in kontrakt yn prinsipe fjouwer jier duorret, hie ik ek noch ris alle tiid om der efter te kommen wat ik dan wol graach woe”. It blykt in goede kar te wêzen, want net allinnich dat Hannah nei al die jierren noch hieltyd wurksum is by de Keninklike Marine, leart se dêr ek har man Stefan kinnen. Undanks dat de wegen yn it begjin fan harren karriêre net mei elkoar oerien komme, bliuwe se kontakt hâlden en slacht de fonk oer. Achttjin jier letter binne se noch altyd tegearre en wenje se no mei harren trije bern op it Risplân.


Opliedingstrajekt Neidat Hannah har oanmelden hat by de Keninklike Marine moat se earst noch keure wurde. Hannah: “Myn broer hie der gjin fertrouwen yn dat ik de keuring troch komme soe. Hjirtroch hie ik ekstra motivaasje om it te probearjen”. Nei dat Hannah de lichaamlike keuring, psychologysk- en de fitheidstest ûndergien hat, kriget se ta har blidens grien ljocht om by de Keninklike Marine oan ’e slach te gean. “De earste seis wiken moast ik de Earste Maritieme Militaire Vorming (EMMV) folgje, wêr’t alle basisfeardichheden oan bod kamen. Yn dizze fakoplieding ha ik ûnder oare leart wat de rangen binne by de Marine, wat it tuchtrjocht en oare regeljouwing yn hâld en hoe’t je marsearje moatte. Ek binne wy op bivak west, sadat wy leare koene hoe’t je bygelyks it bêste yn in tinte sliepe kinne. As ôfsluting krigen wy gelyk de seremoniële taak om mei prinsjesdei te marsjearjen. Dit wie wol in hiele bysûndere ûnderfining, wat ik nea wer ferjitte sil.

Nei de fakoplieding ha ik de Eerste vakoplieding logistieke dienst administraasje (EVOLDA) folge yn Den Helder wêr’t ik oplieden bin tot matroas. Yn dizze oplieding wiene der ferskillende takken. Myn haadtak wie administraasje en finânsjes. Yn 1999 ha ik dizze oplieding behelle en koe dernei oan ’e slach op Maritiem fleankamp de Kooy, wêr’t ik wurksum wie op it buro fan administraasje. Om’t der by de Marine dernei ek fan alles mooglik wie, ha ik in soad ferskillende opliedingen folge. Sa ha ik ûnder oare de ‘helikopterredder’ oplieding folge. Dizze oplieding hie binnen de Marine in hege prioriteit. Fan de 150 dielnimmers wiene der nammentlik mar fjouwer goedkart, wêr ik ien fan wie. Fan út dizze


oplieding moast ik ek ferwûnen fersoarger floot wurde, sadat ik de dokter stypje koe mei medyske hannelingen. Fierder ha ik de oplieding tot koperaal, de sjitoplieding, algemiene scheepstaken, brandbeveiliging en beheerder brandmeldingsinstalaasje folge. Al dizze opliedingen hiene in ferbân mei myn ferskillende funksjes by de Marine. Wurksumheden De Keninklike Marine set mei float en mariniers sawol yn Nederlân as yn it bûtenlân yn foar de feilichheid op en fan út see. Ek no’t it COVID-19 firus harren oer de wrâld fersprieden hat is it de Keninklike Marine dy’t yn Nederlân help biedt by de medyske transporten en it Caribisch gebied stipet by de transport en it ferlienen fan medyske help. “Binnen de Keninklike Marine ha we te krijen mei ferskillende ûnderdielen en ienheden. Trochdat it eins ferplicht is om eltse trije jier te feroarjen fan funksje binne myn wurksumheden foar my de ôfrûne jierren hiel wikseljend west. Yn de begjin jierren ha ik bygelyks oan it wurk west op it bevoorradingsskip de ZR.Ms. Amsterdam. Mei dit skip bin ik ûnder oare nei de Karibiën, Bermuda, Amearika, Ingelân, Frankryk en Portugal ta west. Op it skip hie ik de ferantwurdlikheid foar de administraasje en finânsjes. Omdat alles doe noch mei de hân gong, wie ik dan as it wiere de pleatslike bank en moast ik bygelyks de bemanning foarsjen fan harren lean. Ek ha ik 12 jier korporaal west op ien fan de squadrons, wêr ik my benammen ek dwaande hâlden ha mei de administraasje. Op it stuit ha ik in funksje by it Collegiaal Netwurk. Dit kinst fergelykje mei slachtofferhelp. It doel is om eltsenien mentaal sûn te hâlden en foar te kommen dat se nei harren misjes en oare yngripende barren rest ferskynsels oer hâlde. De taak dy ik hjir ha, is it oplieden fan de Collegiale Netwurkers. Ik moat der foar soargje dat se witte hoe’t se op ’e tiid sinjalearje kinne wannear it mei immen fan harren kollega’s net goed giet en hoe’t je dyjinge fan help foarsjen kinne. Dizze minsken stean ticht by de situaasje, wit wat in oar mei makke hat en kinne dan ek de bêste begelieding jaan kin. Dit proses monitoaren myn kollega’s en ik en we helje profesjonele help dêrby is bliken docht dat it Collegiale Netwurk net genôch is”. Aardige en minder aardige kanten fan it wurk Hannah jout oan dat se it tige nei har sin hat by de Marine en de ôfrûne jierren hiel wat moaie aventoeren belibbe hat. “It moaiste dat ik yn myn wurk belibbe ha, wiene de sprongen út in helikopter. Dit joech my it uterste gefoel fan frijheid. Yn fergeliking mei oare kollega’s ha ik net super spannende of gefaarlike reizen mei makke. Wol ha ik troch myn wurk sjoen dat it yn oare


lannen hiel moai wêze kin, mar faaks ek wol in kear side hat. Hjirtroch bin ik hiel tankber foar it feit dat it yn Nederlân allegear dochs wol hiel goed regele is”. Hannah jout oan, trochdat se regelmjittich konfrontearre wurdt mei in soad ellinde dit automatysk de mindere kanten fan har wurk binne. Wat foar Hannah yn de ôfrûne jierren it meast yngripend wie, is dat se mei in militêre begraffenis fan in froulike kollega kistdrager wie. It wie hiel moai sa in lêste earbetoan te kinne jaan, mar wie ek in hiele swiere taak.

Ambysje/takomst Hannah ferteld dat se op it stuit eins wol hiel tefreden is mei de funksje dy’t se no hat. “Yn ’e takomst liket it my wol moai om in kear nei it bûtenlân ta te gean. Der binne nammentlik ek funksjes op Kurasao en Aruba. Dêr kinst dan mei de hiele húshâlding hinne. It is allinnich de fraach at dat helber is”. Fanwege de besunigingen fan de lêste jierren, is Hannah sels wol hiel benijd hoe’t de regearing mei de Keninklike Marine om bliuwt gean, no’t yn dizze tiid bliken docht dat de Keninklike Marine dochs wol falt ûnder in fitaal berop. Ta beslút Yn dit ynterview waard my al gau dúdlik dat, ek al is it 75 jier lyn dat wy yn Nederlân te meitsjen hân ha mei oarloch, de Keninklike Marine ek foar ús noch hieltyd ûnmisber is. Om by de Keninklike Marine oan ’e slach te kinnen is it belangryk dat je sawol lichamelik en mentaal fit binne. Ek is trochsettingsfermogen, fleksibiliteit, it kinne wurkje yn teamferbân, it respekt hawwen foar oare minsken en it hawwen fan dissipline net ûnbelangryk.



Binnentún Nij Stapert yn 'e fleur De mooglikheden foar de kliïnteried fan Nij Stapert om te dwaan foar de bewenners is yn dizze tiid fan Korona beheind. Efkes in praatsje meitsje of op besite gean giet no net. Wy witte lykwols dat de bewenners blommen altyd moai fine. Dy hawwe hja ek krigen, mar nei sa'n 14 dagen binne dy wol wei. Dêrom is in oprop op facebook dien om blompotten nei it hûs te bringen. Dat hat net om 'e nocht west. Geweldich wat in reaksjes en wat in potten! De stap dêrnei wie: der moat ek wat yn. Mei in besite oan blomkerij De Vlinder koe der foar in skaplik pryske blommemodder regele wurde. Ek túnsintrum De Gaardenier kaam foar de simmerplantsje tige geskikt út 'e hoeke. Mei in pear leden fan de kliïnteried hat it projekt fierders hannen en fuotten krigen. En neffens guon oaren kin it besjen lije. Yn Nij Stapert binne hja der wiis mei. En it moaie fan alles is dat doarpsbelang Wommels foar de kosten stie. As rjemme op de taart kamen der ek noch trije bûtendoar bakken fan de Eastereiner Martini Tsjerke. Simmerguod Sa is yn ’e mande soarge foar in fleurige binnentún, wêr't de bewenners inoar op ôfstân moetsje kinne en genietsje kinnen fan de blomkes. Yn 't ramt fan deibesteging passe de bewenners der sels op dat it simmerguod net ferdrûget en wurde de útbloeide blomkes derút helle. Op dy wize hawwe hja de hiele simmer hjir wat oan. Tige tank! Fansels is de kliïnterie tige ynnommen mei de stipe dy't krigen is. It blykt mar wer dat mei-inoar hiel wat mooglik is.


Sebeare(-ein)

Troch Karin Everhardus Kronkelend door het oeroude weidelandschap, een vaarwatertje temidden van land waar her en der een terp bovenuit steekt. Het land van groene velden, met hier en daar een molen, boerderij en grazend vee. Deze beschrijving kenschetst de Sebearefeart in vroeger tijden, deze kwam en komt nog steeds uit in de oude Bolswardertrekvaart, ten zuiden van Edens. Toen in 1599 de Sebeare vanaf de trekvaart tot in het dorp Easterein gegraven werd, sloot deze aan op een eerdere, in 1507 uitgediepte geul. Doordat de gravers de natuurlijke loop van oeroude geulen volgden, verkreeg de Sebeare zijn kronkelige vorm. Deze uithollingen werden uitgesleten in de kleigrond, in een tijd toen de zee nog ongestoord het lage land steeds weer - met de getijden mee - in en uit kon stromen. Ontsluiting voor polderbewoners De oorspronkelijke bedoeling van het graven van de Sebeare lijkt de afwatering naar de trekvaart te zijn geweest, van de Skrok-polder en ook een groot deel van het dorp. Het water diende ook ter ontsluiting voor de polderbewoners, zolang er nog geen begaanbare wegen naar het dorp liepen. Ook het vervoer van goederen zoals melk - naar en van de Eastereinse zuivelfabriek die een eigen steiger had - terpaarde en bouwmaterialen, gebeurde veel via het water. Daarbij was de Sebaere eveneens het vervoersmiddel bij uitstek voor passagiers (denk aan veerboten) en ter ontspanning voor recreanten die het water opzochten. Tegenwoordig dient het water voornamelijk voor ontspannende activiteiten. De Sebeare wordt eender uitgesproken als het friese ‘sabeare’, zoals te lezen was in de Leeuwarder Courant halverwege de 20ste eeuw. Maar de vaart kan je niet écht als sabeare ‘zien’, want vertaald betekent dit woord alsof, onecht...!


Sibada opvaart Van oorsprong heette het water de Sibada opvaart. Deze naam lijkt verbonden te zijn met het uitgestorven adellijke geslacht Sibada of Sybada, de naam is terug te vinden in een stamboek van de oude Friese adel. Hierin wordt melding gemaakt van Sybolt Sybada, zijn vrouw Bauck Scheltema en hun kinderen. Aan het eind van de Sebeare - niet ver van de oude trekvaart af - daar lag hun state of ‘voorname boerespul’. De state werd behalve Sybaeda ook wel - heel toepasselijk - Sebeare-ein genoemd. De eerder genoemde geul - uitgediept in 1507 - liep vanaf de Bolswardertrekvaart tot waarschijnlijk iets voorbij de state. Met daarbij de vondst van een stenen vloer uit de 15e eeuw bij de afgraving van de zuidelijk gelegen terp, moge de ouderdom duidelijk zijn. In 1640 was de state eigendom van een erfgename van de uitgestorven Sybada’s. Daarna verloor de Sybaeda zijn aanzien en werd het een gewone boerderij. Deze werd vooral gezien als beleggingsobject, de eigenaar ging er niet zelf wonen maar verhuurde de boerderij. In het jaar 1832 werd deze uitgebreid met de komst van een molen die voor eigen bemaling ging zorgen. Het was een watermolen die vlak aan de Sebeare lag en goed bereikbaar was via een ‘bepuinde’ weg. Brand! Het was vroeg in de avond - op een novemberdag in 1888 - dat er een flinke brand uitbrak. Deze kostte niet alleen het leven van paarden, varkens, koeien en kalveren, maar legde ook een deel van de boerderij in as. De fundamenten bleven echter staan, zodat de zathe in 1889 weer kon herrijzen. Nadat het voor langere tijd in eigendom was van de Sybrandy’s die er ook woonden, werd het in 1929 verkocht aan een tandarts in Sneek die het pand weer ging verhuren. Helaas werd in 1967 de Sibada-molen “te koop voor afbraak” aangeboden en aangeprezen vanwege het prima grenen houtwerk.


D! NIEUW IN FRIESLAN

? willen leren bespelen t en m ru st in n ee g ment of zou je graa s! Speel jij al een instrukschool Friesland aan het juiste adre e les op het instrument dat je Dan ben je bij Muzie en zeer ervaren muzikanten en speelt vanaenf gedeluieedsrsttechniek. ofessionele , bas of zelfs lichtJe krijgt les van pr gitaar, drums, zang , rd oa yb ke , no graag wilt leren. Pia

! n i e r e t s a E n i s e l Nu ookerritgHiintgast avoorr meer informatie, l Bel of mail G schoolfriesland.n ek zi u m t@ ri er g / 06 184 21 578

lfriesland.nl o o h c s k ie z u .m w ww


Skrok weer De Sibada-boerderij bestaat nog steeds en doet tegenwoordig dienst als onderkomen voor de Vereniging Natuurmonumenten. Het adres is Skrok nummer 11, een verwijzing naar de gelijknamige polder waar het in ligt. Interessant om te weten, dat ‘skrok’ eigenlijk een gewoon (oud) Fries woord is. Vertaald heeft het vier verschillende betekenissen: 1. erg droog, 2. inhalig, vrekkig, 3. schor (van stem) en 4. hongerig. Heel aannemelijk - te lezen in een krantenartikel uit februari 1947 - dat het hier zou kunnen gaan om koudachtig, droog en schraal weer, kenmerkend voor als er een hoge noorderwind waait. Als het ‘skrok’ weer is, besef dan dat het over Skrok ‘gaat’! Skoarstienmantelstik Ter afsluiting een rijmpje in dichtvorm, dat geschreven was in de crisistijd van de laatste jaren van de eerste helft van de 19e eeuw. Het werd gevonden op een ‘skoarstienmantelstik’ in de voorkamer, toen er in 1847 een Sybrandy kwam te wonen. Waarschijnlijk geschreven als waarschuwing, de noodzaak om zuinig te leven? Die op Sibade-end wil wonen, Moet eten, water ende bonen. Die op Sibade-end wil bestaan, Moet steeds in een linnen kleedje gaan.

Ut de húshâlding fan... Oplossing Dizze kear in foto út de húshâlding fan Klaas en Jeltsje Pompstra. Lofts foar: Jelien Lofts efter: Anke Marije Rjochts: Jarco Klaas


Us aventoer yn Australië (en Bali) Troch Petra Yntema

Ik hie wol it idee om ris op reis, mar wêrhinne wist ik noch net. Doe’t Sybrand en ik elkoar kinnen learden, hie hy eins al plannen om wer ris werom te gean nei Australië. Syn broer is dêrhinne emigrearre, dêrom wie hy der al in pear kear west op besite mar ek foar staazje. Wy binne 4,5 moanne op reis west. Dit soe langer, mar troch korona binne we hearder nei hús gien. It wie in reis om nea te ferjitten fansels. Net allinne it reizgjen, mar ek it jier fan de boskbrannen, oerstreamingen en korona. Ik sil myn bêst dwaan om jim koart de hichtepunten te fertellen want eins kin ik wol in boek skriuwe oer al ús aventoeren. We hawwe dan ek totaal 32.000 km riden! Ik ha dêrom ek elke wike in blog byholden. Nei in skoftke soe ik dêrmei stopje mar doe krige ik al gau te hearren dat der in protte minsken elke wike op ús ferhaal sieten te wachtsjen, sa no en dan wiene der 150 lêzers op ús site. Dat is dochs skitterjend!? De start: BALI! 2 nov. is ús reis begûn! We hawwe earst in wike fakânsje fierd op Bali omdat we dêr in tuskenstop hiene. Wat in fijn eilân! De rêst, kultuer en de sfear fûn ik hearlik! De minsken op Bali liuwen hiel sterk yn karma en wolle dêrom alles goed dwaan. We wurde dan ek as kening en keninginne behandele. Foar 40.000 Yndonezyske rûpiahs (wat in lytse 3 euro is) kin je op elke hoeke fan ’e strjitte genietsje fan in hearlike massaazje.


It ferkear is in gekkeboel! Yn in auto kinne je better net ride want dan stean je grutten diels stil. Elke sm fan ’e dyk stiet fol mei scooters! Omdat Sybrand dit wol as in moaie útdaging seach binne wy ek op paad west op in scooter. Jimme wolle net witte hoefolle ik de earste rit oan’t gillen west ha. Syb is net benaud en dat moat ek net as je libjen bliuwe wolle tusken al dy drokte op de dyk. Ik wie betiden benaud myn fuotten kwyt te reitsjen of yn ’e knoop te reitsjen mei oare scooters mar gelokkich is alles goed gien. It wie waarm op Bali! Dei en nacht, it kâldste momint wie 5 oere moarns, dan wie it 20 graden. Hearlik! We ûntdutsen ek noch dat Balinezen hielendal wyld wurde fan ‘kisten’. Syb hie mei it ynpakken syn oare skuon al yn ’e koffer en moast dus op paad op syn kisten. Stik foar stik wiene de Balinezen laaiend entûsjast en sels in bewaker frege him of’t der ruilje woe mei syn skuon! Op nei Austraalje! 10 nov. binne we trochreizge nei Sydney. Earlik sein ha we dêr net geweldige oantinkens oan. It wie foar mysels wol wer hiel dúdlik dat ik absolút gjin stedsminske bin en leaver de rêst en persoanlikheid fan in doarp ha! Yn in wike tiid hawwe wy mei in hiele soad gebliksem alle saakjes rûn krije kinnen. Bank akkount, soarchpapieren, CV yn ’t Ingelsk en de grutste ramp: in auto op papier krije. Wat in drama wie dat, mar klear we hiene in machtige auto! De auto wie al hielendal ‘kampear-klear’. Sa rap mooglik binne we doe Sydney útgien en ús doel wie: sa hurd mooglik nei it noarden, nei Cairns! Us plan foar de reis wie nammentlik dat we begjinne yn Cairns, dan fia de kust nei ûnder riden en einigje yn Melbourne omdat Syb syn broer dêr wennet. Dit alles wolle we yn 5 moanne dwaan en tuskentroch soene we dan hjir en dêr wurkje omdat it reizgjen fansels net fergees is en de kosten foar myn hûs hjir gean fansels wol troch. Spitigernôch gie it net sa maklik as wat se ús ferteld hiene. In organisaasje fan út Nederlân hie ús ferteld dat der yn Australië safolle wurk wie dat we maklik foar in dei, in wike of in moanne wurk fine koene. Mar dat wie hielendal net sa!! Der is wol wurk, mar dan wolle se dat je minstens 3 moannen bliuwe, en dat hiene wy net oan tiid! Wy hawwe dus in soad tiid fergriemt oan it sykjen fan wurk sûnder sukses.


Einlik op paad! Yn 4 dagen binne we troch de outback riden fan Sydney nei Cairns. Yn dizze dagen hawwe we al hiel wat sjoen fan Australië. Yn ’e outback is it reedlik dea. We wiene bliid as we ris in auto tsjinkamen, want sa no en dan duorre it wol 400 km foar der wer in doarpke wie of in ôfslach. Wylst hawwe we in soad kangeroes sjoen. Net folle libjende, de measten leine neist de dyk (roadkill) of op ’e dyk (roadpizza). We hawwe no ek de earste nachten kampearre. En dat fûn ik sa no en dan best spannend! Wy sliepe yn ’e auto mei de ruten iepen (en soms de efterklep ek) omdat it faaks smoar hyt is. We hawwe dan wol musquitonetten foar de ramen sadat der neat binnen komme kin mar je hearre safolle bisten nachts! It strúnt allegearre om je auto hinne en ik wie geregeld benaud dat der in wat grutter bist it musquito-net oan ’e kant helle it sa nei binnen krûpe soe! It wie spannend mar ek machtich! We hawwe geregeld nachts fan alles belibbe mar tefolle om hjir alles te neamen haha. As je by Cairns in eintsje it binnenlân yngean komme je by de ‘tablelands’. In gebied mei in protte bergen en moaie natuer mar ek foaral in hiele protte wetterfallen. En lit my dêr no hielendal wyld fan wêze! Prachtich wie dit! Efternei tink ik wol dat ik dit wol ien fan de moaiste gebieden fûn fan wat we sjoen hawwe. Aboriginals Yn Cairns hawwe we ek in soad Aboriginals sjoen. Earlik sein hie ik der wol ferhalen fan heard fan Sybrand mar ik fûn earst dat hy se net sa swart prate moast, it soe wol wat meifalle. Mar spitigernôch krigen we der hjir yn Cairns net echt in better byld fan. De Aboriginals dy’t wy sjoen hawwe wiene faaks dronken en slim agressyf. We mochten se dan ek net oansjen omdat se samar út it neat lilk wurde koene en je wat dwaan koene. Dit hawwe we dan ek mei eigen eagen sjoen by it swimbad. It is in yngewikkeld ferhaal mei de Aboriginals binne we wol efter kaam troch de ferhalen fan de Australiërs. In hiele soad krije jild fan de regearing om te libjen en meie fergees yn hostels ferbliuwe. Se wurkje net mar drinke wol in soad. Ik hie graach in oar byld der fan hân, mar spitigernôch ha wy de oare kant net echt sjoen. Bysûndere kampearplakjes en prachtige minsken! Wy hawwe ek prachtige minsken moete. Dat wie yn Bali al sa, mar ek yn Australië. It is prachtich om minsken harren libbensferhaal te hearren. Sa ha wy in nacht yn ’e middle of nowhere kampearre. De eigener hie al hast 10 kear


dea wêze sillen mar hie wol safolle oerlibbe dat je der wol in boek oer skriuwe koene, machtich wat in ferhalen!! We hawwe by him sliept yn ’t lân, tusken de hynders, kij, kangeroes en alderhande oare bisten. Us dûs wie in sels yn inoar timmere hokje fan golfplaten mei in túnslang en de wc wie in gat yn ’e grûn. Wat ha we hjir in wille hân! Earste stikje Eastkust en ús earste baantsjes! We binne nei Cairns fia de kust nei it suden setten. We hawwe op de ‘whitsunday’ eilannen west mei in boattocht. Sân sa fyn en spierwyt, wetter blauwer as blau en snorkeljend prachtige riffen besjoen! Hiel moai! Ik wie wol wer bliid op it fêste lân te stean nei 2 dagen want ik wie behoarlik seesiik west de hiele reis. Hjirnei hawwe we einlik oan ’t wurk west! Sybrand op in mega grutte graanpleats en ik yn in motel yn it doarpke wat it tichtst by wie (56 km). Ik wie sawol housekeeper as waitress. De manager wie nammentlik sa’n min minske dat nimmen dêr wurkje woe. Se skold de hiele dei op ús en neat wie goed. Ik ha har dan ek in wike út ’e brân holpen omdat se gjin personiel hie, mar dêrnei hie ik myn nocht derfan! Syb hie it wol nei syn sin. Dy hat him de eagen út ’e kop sjoen mei sok grut ark! Omdat de ôfstannen sa grut binne yn Australië, moat in bedriuw eins alles sels dwaan kinne. Sa hiene se harren eigen frachtweinen en reparearren se harren eigen ark bygelyks. Je fiele je dan ynienen wol hiel lyts wurden as je grutsk beide fertelle dat je fan in pleats komme en ús heiten rûn de 40 hektare lân ha en se dan fertelle dat harren bedriuw 3000 hektare lân hat! Dit plakje (Clermont) neamden we ek wol de woestyn. De temperatuer wie nammentlik geregeld boppe de 40 graden, it wie keal, droech en yn de fierste fierte wie neat te sjen. We hawwe hjir dan ek wer in nije simkaart helle want mei ús Australise Vodafone dy’t we yn Sydney krigen hiene koene we neat. Sels yn it doarp hiene we gjin berik! Hjir hâldt it aventoer fan Petra en Sybrand net op, lês it ferfolch yn it folgjende krantsje!



De koksmûtse: Chocolate chip boterkoek Door Annebeth de Jong

Ingrediënten • 150 gram fijne kristalsuiker • 50 gram donkerbruine basterdsuiker • 200 gram ongezouten roomboter • (1 tl vanille extract), 1 ei (M) • 235 gram bloem, 15 gram cacaopoeder, snuf zout • 75 gram gemengde chocolate chips + extra voor decoratie Benodigdheden: Springvorm 24 cm Bereiding • Halveer eerst het ei door het ei los te kloppen. Verdeel over twee schaaltjes. • Neem vervolgens twee beslagkommen. In een kom maak je het deeg voor de chocolade boterkoek laag en in de andere voor de gewone boterkoek laag met chocolate chips. • Voor de chocolade boterkoek doe je 50 gram donkerbruine basterdsuiker, 50 gram fijne suiker en 100 gram boter in en kom. Mix tot een romige massa. Voeg 1/2 tl vanille-extract en het halve ei toe en mix tot deze zijn opgenomen. Als laatste voeg je 110 gram bloem, alle cacaopoeder en een klein snufje zout toe. Mix tot deze droge ingrediënten volledig door het deeg zijn opgenomen. • Bekleed een (spring)vorm met bakpapier en stort het chocolade deeg in de vorm. Verdeel gelijkmatig over de bodem en druk stevig aan. • Maak nu de chocolate chip boterkoek laag door de overige fijne suiker met de overgebleven boter tot een romige massa te mixen. Voeg opnieuw een 1/2 tl vanille-extract en het andere halve ei toe en mix tot deze zijn opgenomen. Voeg het resterende bloem en snufje zout toe. Mix tot deze droge ingrediënten volledig door het deeg zijn opgenomen en spatel de chocolate chips door het deeg. • Stort het chocolate chip deeg over de chocoladelaag. Verdeel gelijkmatig en druk stevig aan. Als laatste decoreer je de boterkoek met extra chocolate chips door deze lichtjes in de bovenkant te duwen. • Bak de boterkoek in 25-30 minuten goudbruin op 180 °C (onder- en bovenwarmte). Laat de koek afkoelen en snijd in punten. • TIP: Wil je liever een goudgele boterkoek? Smeer ‘m dan in met een beetje los geklopt ei voordat je de extra chocolate chips in de bovenkant duwt. Bron: https://www.laurasbakery.nl/chocolate-chip-boterkoek


Bernehoekje

Troch Froukje Dijkstra



nieuwsgierig

kansen. Welkom bij van der Eems.

VA N D ER EEM S . N L E A S T ER EI N / HEER EN V EEN


Millions discover their favorite reads on issuu every month.

Give your content the digital home it deserves. Get it to any device in seconds.