{' '} {' '}
Limited time offer
SAVE % on your upgrade.

Page 1

EASTEREIN maaie 2019

DOARPSKRANTSJE


Couperus Hydrauliek uw specialist voor hydraulische systemen, aandrijftechniek en machinebouw.

Kwaliteit staat bij ons voorop. Onze uitstekende dienstverlening, de persoonlijke aandacht voor elke klant en het meedenken in een oplossing in de technieken die afhankelijk zijn van oliedruk, zijn daarvoor het bewijs. Wij zijn dan ook snel in staat om op een vakkundige manier storingen te verhelpen, reparaties uit te voeren of nieuwe machines voor u te ontwikkelen. Wij leveren onder andere de aggregaten en machines voor bijvoorbeeld de kunststofindustrie, destructiebedrijven, papierverwerkende industrie, landbouw en de scheepvaart. Daarnaast bouwt Couperus Hydrauliek ook eigen machines. Zo hebben wij ervaring met het bouwen van: • Miniheistellingen• JPL-Persen • Plamuurpersen • Krammenpersen • Palenkrakers • Kielklemmen Door de steeds strenger wordende regelgeving omtrent veiligheid en milieu, leveren wij CE gekeurde systemen en machines. Dit geeft u dus de zekerheid dat u een goed product koopt bij een deskundige en betrouwbare leverancier.

Couperus Hydrauliek BV | Fabrykswei 9 | 8734 HV te Easterein info@couperushydrauliek.nl | T 0515-332288 | F 0515-331640


Kolofon

Nûmer 5 – Maaie 2019

Redaksje: Kopij Doarpskrantsje: Webside Easterein.nl: Facebook: Advertinsje? Rekkennûmer: Printwurk: Foto foarside: Opmaak: Kopijdatum:

Bauke de Boer, Paul David Meesters, Nathalie Oliveiro en Gerben van Snits doarpskrante@easterein.nl as by Gerben van Snits, Skilplein 15 info@easterein.nl Twitter: @easterein_frl Fraach&oanbod&sa en Easterein fan earder en no Mail nei doarpskrante@easterein.nl NL70 RABO 0349 5017 26 û.f.f. Doarpskrante Drukkerij Van der Eems Willy Sybesma Froukje Dijkstra 29 maaie

De redaksje fan de Doarpskrante is net oanspraaklik foar de ynhâld of strekking fan de stikken. De redaksje behâldt har it rjocht foar om artikels yn te koartsjen of mooglik te redigearren. Troch it ynstjoeren fan tekst- of beeldmateriaal jouwe jo tastemming foar it fermannichfâldigjen hjirfan.


Doarpsaginda Maaie 8 maaie

Grize container

12 maaie

Memmedei

14 maaie

15.00 oere

Jeugdledenpartij: Kabouters, welpen, pupillen, skoallejeugd, jonges, famkes De Skoalleseize

17.30-19.30

Voedselbankactie

15 maaie

Griene container

17 maaie

10.00 oere

60+ boatreiske

19 maaie

11.00 oere

KNKB Famkes A en B De Skoalleseize

14.00 oere

Ofskiedstsjinst Ds. Praamsma Martinitsjerke Easterein

20.00 oere

Jiergearkomst GEKE De Skoalleseize

21 maaie 22 maaie

Grize container Oanfang skoallekamp groep 7 en 8 De Foareker

23 maaie

07.00-21.00

Ferkiezings Europeesk parlemint De Skoalleseize

24 maaie

Hiele dei

Lêste dei skoallekamp groep 7 en 8 De Foareker

19.00 oere

Badeintsjerace foar Kening op Sokken Skippersbuorren

25 maaie

11.00-17.00

Keunstrûte Littenseradiel Martinitsjerke

26 maaie

13.30 oere

Alder-bernpartij KF Easterein De Skoalleseize

11.00-17.00

Keunstrûte Littenseradiel Martinitsjerke


26 maaie

12.15 oere

29 maaie

Motortoertocht Easterein Fersammelje 12.15 oere Skrok 2A Griene container Lêste ynleverdatum kopij Doarpskrantse

20.00 oere 30 maaie

Try-out Kening op Sokken Bergsma Easterein Hemelvaartfakansje De Foareker

13.00 oere 31 maaie

Ledenpartij KF Easterein manlju en froulju De Skoalleseize Hemelvaartfakânsje De Foareker

20.00 oere

Foarstelling Kening op Sokken - útferkocht Bergsma Easterein

JUNY 1 juny

20.00 oere

Foarstelling Kening op Sokken - útferkocht Bergsma Easterein

2 juny

16.00 oere

Foarstelling Kening op Sokken - útferkocht Bergsma Easterein

3 juny

20.00 oere

Foarstelling Kening op Sokken Bergsma Easterein

5 juny

Grize container

7 juny

Pinksterfakânsje De Foareker

9 juny

19.00 oere

Smash, tennis-met-een-kennistoernooi Op it tennisterrein

12.00 oere

Pearkekeatsen, manlju/froulju top A/B/C De Skoalleseize

Dizze ynformaasje komt fan easterein.nl en út de mailtsjes dy’t wy krije. Ha jo ek wat foar de doarpsaginda? Mail it dan nei doarpskrante@easterein.nl


Tige by tige! Sa’t jimme sjen koene, wie it lustrumnûmer hielendal yn kleur. Wat wie dat moai! Us haadsponsor Drukkerij van der Eems hat dit mooglik makke: Tige tank foar jimme stipe!

Rektifikaasje Yn de kolofon fan it aprilnûmer stie ‘Greet de Boer’, dat hie natuerlik âldredaksjelid Greet Bouma wêze moatten.

fan... Ut de húshâlding Wa binne dit?


Yn bedriuw Troch Gerben van Snits Oan it begjin fan it Skrok stien rjochts it wenhús en de bygebouwen fan it bedriuw Sandstra Transport en Opslag fan Bauke en Lies Sandstra. Ien bedriuw, mar mei twa ferskillende takken fan sport. Bauke Sandstra komt út in famylje dy’t al in pear generaasjes yn it transport wurket. Pake Sjuk Sandstra wie yn 1922 begûn as frachtrider, earst mei hynder en wein. Hy hie in buerttsjinst op Ljouwert, Snits en Boalsert en hie fêste tiden, twaris yn ‘e wike, om dêr hinne. It wurk siet him doe al yn de agraryske sektor. De gersdrûgerij, molke, tsiis… Foar beppe wie it in keunst om alle bedriuwen yn it doarp te freon te hâlden. Je koene einliks net ride foar in bedriuw at je dêr net sels klant wiene. Nei pake hat heit it bedriuw oernommen en de tredde generaasje waard oanfierd troch Sieb Sandstra, de broer fan Bauke. Twa jier lyn is Sieb der mei stoppe en is it bedriuw ophâlden te bestien. Mesthannel Bauke is meigroeid yn de transport, earst by heit en letter by syn broer. Yn 1998 krige hy in gouden kâns oanbean troch Tjeerd Veenstra fan Heech. Hy hie in bedriuw yn mesthannel, mar gjin opfolger. Bauke woe wol foar himsels begjinne en it like him wol wat ta. Wylst er by syn broer faaks in wike fan hús wie yn de ynternasjonale transport, soe er no jûns thús wêze. It wurk by de boeren del lake him ek ta en Tsjeard soe him ynwurkje op alle flakken. “Mei útsûnering fan ‘e wetjouwing. Yn die tiid feroare dat in hiel soad en hy seach it net sitte om dêr mei oan ‘e slach. It is in fassinearjende wrâld fan fraach en


oanbod en troch it bedriuw op sa’n manier oer te dwaan, koe hy wol yn ‘e kunde bliuwen mei de klanten. Wy ferhannelje de mest en ferfiere it rjochtstreeks fan de boer nei de klant. Sadwaande hawwe wy gjin opslach nedich.” De mesthannel is al iuwen âld. De mest waard foarhinne mei skûtsjes nei Noard-Hollân brocht op ‘e earme sângrûn, foar de bollenboeren. Tink oan de Strontrace yn Warkum. It transportbedriuw hat no trije weinen op ‘e dyk. Soan Germ is sûnt trije jier mei-eigener en Pier Soepboer is meiwurker. In nije generaasje Lies: “Us Germ hat fan dat er prate koe allinnich mar sein dat er ride woe. Hy hat nea twifele, woe net fierder leare, allinnich it rydbewiis moast er ha.” Bauke foeget der oan ta: “As bern woe der al mei en no ryd er sels. Hy groeit hieltyd sterker yn it bedriuw en it is moai om te sjen hoe’t dat groeit.” It is dúdlik dat Bauke grutsk is op syn soan en opfolger. “De komplekse wetjouwing soarget foar in soad administraasje. Faaks moat dat yn it wykein noch dien wurde, mar tsjinwurdich doch ik dat ek faaks mei Germ.” Bauke praat noch net oer stoppe mei wurkje, mar de nije generaasje is der wol klear foar. Opslach De namme fan it bedriuw neamt ek de opslach. Bauke: “As it nedich is dat wy ek mest opslein, dan dekt de namme dat no al. De opslach wurdt echter hiel oars bedoeld.” Lies: “Yn 1992 binnen wy ferhuze fan de Sibadawei nei dit hús. Eartiids wie hjir in appelhôf, letter waarden der twa skuorren bout foar jongfee, strie en hea. Dat bedriuw is net folle wurden en Rispens hat de skuorren ombout foar caravanstalling. Hy hat it fan it begjin oan opbout en koe eltse caravan. Doe’t wy it oernommen hawwe, wie der net in goede administraasje. It earste jier hawwe wy regelmjittich sykje moatten.” Yn it boek oer Easterein waard yn 1995 noch sprutsen oer 400 plakken. “Dat is no wol minder wurden. De weinen binne grutter wurden, wêrtroch der no plak is foar sa’n 300 caravans. Op tongersdei, freed en sneon kinne de weinen brocht en helle wurde fan acht oant acht. De dagen dêrfoar set ik alles al te plak. Seker yn it heechseizoen is it in soad wurk.”


Nije bestjoersleden Doarpsbelang Tongersdei 11 april lêstlyn wie de jiergearkomste fan Doarpsbelang Hâld Faesje. Bestjoersleden Talitha Dijkstra en Grietje Bouma hawwe it stokje oerdroegen oan Catharina Veenstra en Sjoukje van der Eems.

Sjoukje stelt harsels efkes foar: Berne yn 1972 yn Tsjerkwert, opgroeid op de buorkerij, opleiding: VWO in Boalsert, 1 jier HTS Technische Bedrijfskunde en dernei Landbouw Universiteit Wageningen. Ik ha wurke bij de Rabobank Gorredyk en LTO-projekten yn Drachten en sûnt 2004 bij (ús) Drukkerij van der Eems. Yn 2001 bin ik mei Durk-Jorrit nei Easterein kommen yn it hús neist de drukkerij. We ha trije bern: Hendrik 18 jier, Nynke 16 jier en Tjalle-Durk 15 jier. Nei it peuterspeelzaal bestjoer, gymnastiek bestoer, MR Foareker en Skoalleseize bestjoer is it no tiid foar Doarpsbelang. Foar de leefbaarheid yn in doarp is in Doarpsbelang ûnmisber, dêrom help ik graach mei! Ik ha der sin yn! Groetnis Sjoukje van der Eems-Hijlkema

Hâld Faesje EASTEREIN


Fizel

D R O G I ST E R I J - PA R F U M E R I E

TERP 52, 8731 BA WOMMELS TELEFOON 0515 333 210


De Pinne: Johan en Agnes van der Oest Hallo, even voorstellen! Wij zijn Johan en Agnes van der Oest. Wij wonen sinds 8 okt. 2018 op de Sjaardaleane 15A. Onze zoon, dochter, schoonzoon en kleinkind wonen aan de andere kant van de dijk. Bij ons wonen nog wel 2 honden en een kat; Diesel, Edje en Dushi. Hiervoor woonden wij met veel plezier in de Westhoek, in een mooi dijkhuis. Maar aangezien er nogal veel trappen in het huis zaten en het lopen niet zo makkelijk gaat, waren wij genoodzaakt om op zoek te gaan naar een nieuw huis. Gelijkvloers was niet te vinden, of er moest heel veel aan gedaan worden. Ook waren wij gewend aan een vrij uitzicht en dat wil je graag behouden. Zo viel ons oog op dit mooie huis met vrij uitzicht in Easterein. Helaas niet gelijkvloers maar met een traplift hebben wij dit probleem opgelost. Het wonen bevalt ons hier prima, heerlijk wandelen met de honden en de school naast ons geeft ook reuring. Hier hebben wij totaal geen last van. Wij hebben geen wekker meer nodig, daar zorgt de schoolbel wel voor. Wij zijn nog niet betrokken bij een vereniging. Wegens een operatie en revalidatie is dit er nog niet van gekomen. Wij hoeven niet meer te werken, maar hebben het toch altijd druk. We houden van ďŹ etsen, schilderen en motorrijden. Met vriendelijke groetjes, Johan & Agnes


Eastereiner jonges yn Berne Iepenloft Spul Easterwierrum “Elkenien moat dit sjen!” Troch Gerben van Snits De measte minsken hawwe nea in stik fan Shakespeare (1564 - 1616) lêzen, mar syn namme is wrâldferneamd. Peter Sijbenga is ferantwurdelijk foar de muzyk en de lietteksten en hat it stik Macbeth (1606/07) hielendal herskreaun nei it hjoeddeistich libben, mar binne de lange shakespeareaanse monologen yn it stik noch te werkenne? Hessel, Ridzert en Jorrit sitte alle trije yn groep acht fan de basisskoalle. Foar Hessel en Jorrit is it de twadde en de lêste kear dat sy meidogge oan it Berne Iepenloft Spul (BIS). It is ommers foar bern út groep 7 en 8 fan ‘e basisskoalle. Der binne altyd mear bern dy’t audysje dogge en sa hat Ridzert in jier lyn ûnderfûn dat net elkenien meidwaan kin. “Spitigernôch wie ik net útkeazen, mar ik wie bliid foar myn freon Jorrit.” Tsjinoer my sitte trije jonges dy’t oerstreame fan entûsjasme oer toaniel en BIS yn it bysûnder. “Je moatte der alles foar opsizze en der hielendal foar gean, mar je krije der safolle foar werom! Je leare oare emoasjes sjen te litten en gau oer te skeakeljen, en je leare ek hjasels kenne en de freonskippen mei bern út oare plakken.” Ridzert syn fuotbalje moast der sels oan leauwe, mar dochs hie der tiid foar ‘Ronja de Rôversdochter.’ “Dat is fan in hiel oar nivo. BIS hat mear budzjet, wêrtroch der in professionele regisseur, in dûnslearares en in sjonglearares is.” De sjonglearares is de dirigint fan it jeugdkorps, Joke Krist. “Ast dat al moai fynst, dan moast no seker komme!”


Rollen Jorrit: “It is spitich dat der net sa folle jonges meidogge. In jier lyn moasten famkes sels jongesrol spylje. Mei de audysjes wurdt der net allinnich sjoen ast spylje kinst, mar ek of in rol by dy past. Ik haw no twa rollen. Ik spylje ien fan de jiskelju en ien fan ‘e gasten. Ik moat hieltyd skeakelje, mar it is leuk om twa sa ferskillende types spylje te kinnen. Sjonge en dûnsje wie net echt myn ding, mar by BIS haw ik leard dat ik it wol hiel leuk fyn.” Hessel is de ober fan it restaurant, wêr’t it ferhaal spilet. “Ik wurd faak negearre, der wurdt net nei my lústere, se litte my net iens útprate! Mar dochs… Ik meitsje wol in ein oan it ferhaal…” Ek Ridzert hat sa’n klifhanger yn syn rol. “Ik mei ek ien fan de jiskelju spylje, mar… net alles is wat je tinke dat it is!” It freget ek wat fan de âlden at de bern by BIS spylje. Frans Stap is ien fan dizze âlders. “It is net allinnich dat de bern altyd oanwêzich wêze moatte, mar wy moatte ek aktyf meihelpe. Dekôrs bouwe, skilderje, kostúms meitsje, rekwisiten sammelje, reklame meitsje. Fan alle âlden wurdt ferwachte dat se meihelpe, ik sit by de bouploech fan it poadium en ek dêr sitte ferrassingen yn.” Selsfertrouwen Lykas yn Shakepeares toanielstikken komt der neist spanning en in ûnferwachts komplot ek in soad humor foar yn it stik Macbeth. “Hy laket altyd sels it hurdst om syn eigen grappen,” sizze de trije jonges, laitsjend. “It is wol ris lêstich om serieus te bliuwe, mar ek dat leare wy.” Jorrit: “Wy wolle graach jonges ynspirearje om ek by it toaniel te gean. It is belangryk om freonskippen te meitsjen en do learst der in soad fan.” Ridzert: “Ik soe normaal noait sjonge foar oare minsken, mar no wol.” Jorrit: “By Kulturele Haadstêd haw ik foar 500 minsken sjonge mochten, ek wol solo’s. Foar BIS is it wol ris dreech, mar elkenien helpt inoar, se jouwe dy selsfertrouwen.” Hessel: “Elkenien helpt elkoar, tegearre stean wy sterk!” En fierder…? “Seker wolle wy fierder!” sizze de jonges yn koar. Oft it de musicalskoalle MUZT yn Snits wurdt? “Dêr moatte wy earst audysje foar dwaan, en yn Ljouwert is ek in musicalskoalle. Mar, earst Macbeth.” De kaartferkeap is fan 8 maaie ôf, úfierings binne op 20, 22, 23, 26, 28 en 29 juny. Sjoch ek ris op ‘e webside foar mear ynformaasje: www.berneiepenlofstspul.nl


,1=$0(/,1*6$&7,(',$&21,(($67(5(,1 922592('6(/%$1.%2/6:$5'



RSGLQVGDJPHL NRPWGHGLDFRQLHPHWYULMZLOOLJHUVELMGHGHXUHQ ODQJVRPYRHGVHOLQWH]DPHOHQYRRUGHYRHGVHOEDQN LQ%ROVZDUG:LMKRSHQGDWXRRNGLWMDDUZHHUPHH ZLOWGRHQRPGH]HDFWLHWHGRHQVODJHQ8NXQW GDDUELMGHQNHQDDQODQJKRXGEDUHSURGXFWHQ]RDOV .RIILHWKHHVXLNHUPXHVOLDDUGDSSHOHQ JURHQWHQVRHSYUXFKWHQLQEOLNVKDPSRR]HHS WDQGSDVWDHQ] OLHYHUJHHQHLJHQJHPDDNWHSURGXFWHQ  

7XVVHQ NXQWXRQVYHUZDFKWHQRPGH SURGXFWHQELMXRSWHKDOHQ $OYDVWEHGDQNWQDPHQVGHGLDFRQLH 0RFKWXRQVJHPLVWKHEEHQRIDOYDVWZLOOHQEUHQJHQPDJXKHW QDWXXUOLMNRRNELM-HOOH%URXZHUHQ)RONMH9LVVHUEUHQJHQ .RDLILQQHRIEHOOHQWHO


Wêr is dit?

Troch Anke Blanksma


Het komt op millimeters aan….. ‘Deun By’, de Jeu de Boules vereniging van Easterein Door Bauke de Boer en Paul David Meesters Wie vanaf april op dinsdagmiddag rond twee uur richting de Skoalleseize gaat, kan de ballen over de baan horen rollen bij Jeu de Boules vereniging Deun By. Deun By bestaat alweer meer dan twintig jaar. Het begon allemaal met een royale gift van de lokale RABO-bank die het 100-jarig jubileum vierde. Er werd 10.000 gulden beschikbaar gesteld om iets moois mee te doen voor de ouderen van het dorp, “bijvoorbeeld een jeu de boules baan”. Dat was niet aan dovemans oren gezegd. Toen de Gemeente Hinnaarderadiel er vervolgens 15.000 gulden bijlegde konden de plannen worden gesmeed. Een aantal kleinere sponsoren zorgde vervolgens dat er ook banken naast de banen kwamen. Op 26 februari 1998 vond de oprichtingsvergadering plaats, onder leiding van de eerste voorzitter Baukje Bruinsma-Rienstra, nog steeds een actief verenigingslid. In de archiefmap van de vereniging zijn de notulen van die eerste vergadering zorgvuldig bewaard. De zustervereniging uit Scharnegoutum – al even eerder van start gegaan – kwam langs “om de spelregels uit te leggen en een demonstratie op het voetbalveld te geven”. Ter plekke werden er 39 personen lid! De jaren erna groeide de vereniging gestaag. Op het hoogtepunt waren er 55 leden, momenteel staat de teller op 43. Al zijn de meeste leden een dagje ouder, er is geen leeftijdsgrens. Iedereen is welkom. Al vanaf de oprichting is de vaste clubmiddag op de dinsdag, alleen bij heel warm weer wordt de speeltijd naar de avond verschoven. Daarnaast is er donderdagavond vanaf 19 uur gelegenheid voor beginnende spelers om zich het spel eigen te maken. Er zijn in totaal acht banen. Aan het begin van de middag wordt met lootjes een spelindeling gemaakt. Meestal speelt men in tweetallen tegen elkaar. Als eerste wordt een klein houten balletje (de ‘but’) in het spel gebracht. Om beurten gooien de deelnemers dan hun ‘boules’ met het doel die zo dicht mogelijk bij de ‘but’ te krijgen. U begrijpt waar de verenigingsnaam Deun By naar verwijst! Soms komt het meetlint eraan te pas om te bepalen wie uiteindelijk het dichtstbij ligt: “het komt op millimeters aan”. Het tweetal dat als eerste dertien punten


bereikt heeft het spel gewonnen. Jan Strikwerda houdt de telling bij. Aan het eind van het seizoen wordt dan de wisselbeker uitgereikt aan het hoogst scorende lid. Momenteel is de beker in bezit van Ymie Veninga. Af en toe wordt er ook met andere verenigingen gespeeld. Zo is er de jaarlijkse uitwisseling met Witmarsum. En in augustus staat het dorpentoernooi op de agenda, waarvoor Witmarsum, Nijland, Boazum en Mantgum naar Easterein komen.

Het huidige bestuur van Deun By bestaat uit Ultsje Bouma (voorzitter), Lolke Bouma (secretaris), Oeds Delfsma (penningmeester; hij volgde onlangs Griet Rijpma-Andringa na 13 jaar trouwe dienst op) en Geert Dijkstra (nu bestuurslid, eerder voorzitter). Naast het bestuur is er nog de baancommissie die ervoor zorgt dat de banen schoon en glad blijven. En dan zijn er ook nog de bardraaiers die de koffie in de pauze en eventueel een drankje na afloop in de Skoalleseize verzorgen. Als verhuurder zorgt de Skoalleseize ook voor het onderhoud van de banen. Wanneer de jeu de boules vereniging in het najaar ophoudt start precies twee weken later de ouderensoos. En in het voorjaar wordt er zo opnieuw stuivertje gewisseld. Tijdens de ouderensoos in de Skoalleseize wordt er koersbal gespeeld en geklaverjast. De ouderen van het dorp houden zo contact met elkaar, en voor nieuwkomers biedt het een mooie manier om dorpsgenoten te leren kennen. Gezelligheid en “erbij horen” zijn de belangrijkste elementen van zowel de jeu de boules vereniging als de ouderensoos. Nieuwe leden zijn altijd welkom. Ze kunnen gewoon bij een speelmiddag langskomen of contact zoeken met een van de bestuursleden. De contributie bedraagt 20 euro per seizoen. En voor speelballen wordt de eerste keer gezorgd, dus wat let u?


Nijs van de soos No we de winterperiode wer hân ha en de earste mooie dagen hân mei simmerske temperaturen, wie it wer tiid foar ús slotmiddei. It wie altyd gesellich, soms tige spannend, dan wie it mjitten om it te witten wa it tichst by lei. Sa wienen der ek gjin konflikten en yn it skoft gesellich mei de kaarters om de tafel foar in bakje koffie of tee. Tiisdei 26 maart wie it de lêste middei wêr ek de prizen útrikt binne, oan digene mei de measte punten helle ha it ôfrûne winterskoft. By it kaarten wiennen it: 1. Enno Bruinsma 2. Hilbrant Drost 3. Klaas Faber

By de koersbollers wienen dat: 1. Jan Strikwerda 2. Bote Jellema 3. Tjebbe Rypma

Binne der minsken dyt takommende winter mei spylje wolle, altyd wolkom op tiisdeitemiddei: It is der gesellich, ûntspannend, sosjaal en yn it skoft, ûnder it genot fan in kopke kofje of tee, lekker by kletse. Namens de soos, Jacob de Jong


5 MEI 2019

TROCH NA NATHALIE ATHALIE THALIE OLIVEIRO OLIVE

Tsien + ien Oarlochsf Oarlochsfilms ilms om (nochris) te sjen #1 Schin Schindler’s dler’s List (1993) egisseur S teven Spielber rg, g, In tige ûntr ûntroerende oerende film fan rregisseur Steven Spielberg, ynspirearre troch Schindler’s Thomas Keneally ynspir earre tr och Schindler ’s Ark, in boek fan T homas Kene K eneally ’s List: L 25 Years Years La dokumintêre Schindler’s Later (1982). De dok umintêre Schindler ter is foarich útkaam. jier útk aam. #2 The Pianist (2002) F oar wa t: in film oer de P oalse Foar wa’t Poalse ’t fan muzyk en skiednis hâldt: musik us Wladyslaw Szpilman. Tagline: Tagline: agline ‘’Music was his passion. musikus Survival was his masterpiece’’ masterpiece’’.. #3 Zw artbook (2006) Zwartbook In fyktyff ferhaal oer o de Joadse fr tein. De thriller wûn ou R achel S frou Rachel Stein. ferskate prijzen en waar d tidens it Nederlânsk e Filmfestival Filmfestival ilmfestiva yn ferskate waard Nederlânske útroppen ta ‘beste Nederlandse e film aller tijden’ 2008 útroppen tijden’.. #4 Oorlogswin ter (2008) Oorlogswinter an Terlouw Terlouw en spilet him ôf Base arre op it lyknammige boek fan JJan Basearre al yn tidens de hongerwinter yn 1946. Yn 2011 gong de musik musikal arje út. premjêre, in jier let ter kaam kaam der in trijedIelige se premjêre, letter searje boy in the striped pajamas (2008) #5 The boy och de e agen fan de wiere ‘tranentrekker’. ‘tranentrekker’. De oarloch tr In wiere troch eagen kommandant, dy’t freonen freonen Bruno,, soan fan in Dútske achtjierrige Bruno Dútske kommandant, wurdt kamp. wur dt mei in joads jonkje yn in k amp.

6

7

8

THE BOOK THIEF

OORLOGSGEHEIMEN

W WOMAN OMAN IN GOLD

(2013)

(2014)

(2015)

9 Riphagen (2016)

10 The Zookeeper’s Zook eeper’s Wife Wif e (2017)

11

Fotógrafo EL F otógrafo de Mauthausen (2018)


Opdat wy net ferjitte Troch Gerben van Snits In ynterview sa krekt foar it peaskewykein past him eigentlik net, mar prate oer syn passy is gjin probleem. Eabe Boonstra docht oan re-enacting (heruitvoeren) fan ‘e Nederlânske mobilisaasje yn 19391940. Nei de ynfal fan ‘e Dútsers yn Nederlân hat dizze mobilisaasje mar fiif dagen duorre. Yn dizze fiif dagen is swier fochten foar ús frijheid en 2300 man binne ferstoarn. Dêrnei wie de Dútske oerhearsking in feit. De measte minsken kinne wol ferhalen oer de oarloch. “Wy fine it tige wichtich om sjen te litten hoe’t de normale minsken libbe hawwe yn dy tiid. De persoanlike ferhalen fertelle, foaral no’t hieltyd minder minsken de oarloch meimakke hawwe. It is in skiednisles wêr’t wy fan leare kinne, mar in les dy’t wy noch hieltyd net leard hawwe, ast sjochst nei wat der noch hieltyd yn de wrâld bart.” Pake Eabe syn pake hat sels yn de mobilisaasje meifochten en hat letter yn it ferset sitte. “Pake hat wol ris prate oer de mobilisaasje, mar oer it wurk dat er foar it ferset dien hat, dat hat er altyd dreech fûn. Dat sjogge je noch hieltyd mei minsken dy’t dy tiid meimakke hawwe. Ik wie altyd al wol ynteressearre yn skiednis en troch pake ek wol yn de famyljeskiednis. Ik hie earst wol ynteresse yn de militêre skiednis, mar troch pake ha ik mear útsocht hoe’t it siet. De argiven yn, útsykje, persoanlike ferhalen sammelje en letter ek spullen dy’t mei de oarloch út te stean hawwe. Ik ha my spesjalisearre yn de mobilisaasje en de sivile loftbeskerming. Sa hat elk syn eigen spesjalisaasje.”


Yn in lyts keammerke boppe steane in mannich tal fan spullen yn kasten en doazen, so no en dan pakt Eabe der wat út. “Elk stik hat syn ferhaal en syn skiednis.” Hy lit my in fierrekiker sjen. “Dizze ha ik fan in frou krigen. Hy is makke yn 1929 en troch har man brûkt yn de mobilisaasje. Hjir trochhinne hat hy de Dútsers oankommen sjoen. It wie it lêste dat er seach, hy is sneuvele.” Re-enacting Eabe docht oan re-enacting. “It is gjin toanielspul. Wy libje in wykein lang sa as de minsken yn de mobilisaasje libben hawwe. Yn de klean fan doe, yn in tinte. Iten sa as dat se dat doe hiene, kofje op in peteroaljesteltsje. Sa steane wy elts jier yn Koarnwertersân, mar ek op oare plakken om it ferhaal te fertellen fan de gewoane minsken. Aldere minsken, mar ek bern. Oeral meie se oan komme. Bern kinne ûnderfine hoe oft it is om in gasmasker op te hawwen, hoe oft it loftalarm klinkt.” In âld boekje fan 1938 komt út de kast. Hoe oft de gewoane boargers harrensels beskerme moasten foar wannear’t der in oanfal komme soe. “Oanbefellingen om amers wetter klear stean te hawwen foar as der in bom falle soe, wat je dwaan moasten mei in gasoanfal, ensfh.” As fjirtichplusser ha ik meimakke dat der minsken op skoalle del kamen om te fertellen wat sy meimakke hawwe yn de oarloch, persoanlike ferhalen. “Dy minske binne der hast net mear, mar op dizze manier kinne wy de ferhalen dy’t wy te hearren krije trochfertelle, op in manier dy’t de minsken oansprekt.” Oarloch yn Easterein Mei de kennis dy’t ik no ha en troch de re-enacting, doare minsken no einlik harren ferhaal te fertellen. Ferhalen út Easterein? Ik ha tiid nedich my hjir yn te ferdjippen. At minsken harren ûnderfiningen diele wolle, kinne sy kontakt opnimme.” Miskien krije wy takommend jier, mei 75 jier befrijing, in ferhaal fan Easterein út de oarloch te lêzen. Opdat wy net ferjitte… Mei de deadebetinking op de Grebbeberg stiet Eabe yn de earewacht yn syn tenu fan ‘e mobilisaasje. Fan 6 maaie ôf is in part fan syn samling te sjen yn de etalaazje fan Skilplein 15.  Mear ynformaasje is te finen op facebook: luchtbescherming 1940-1945.


Ut de âlde doaze


D! NIEUW IN FRIESLAN

? willen leren bespelen t en m ru st in n ee g ment of zou je graa s! Speel jij al een instrukschool Friesland aan het juiste adre e les op het instrument dat je Dan ben je bij Muzie en zeer ervaren muzikanten en speelt vanaenf gedeluieedsrsttechniek. ofessionele , bas of zelfs lichtJe krijgt les van pr gitaar, drums, zang , rd oa yb ke , no graag wilt leren. Pia

! n i e r e t s a E n i s e l Nu ookerritgHiintgast avoorr meer informatie, l Bel of mail G schoolfriesland.n ek zi u m t@ ri er g / 06 184 21 578

lfriesland.nl o o h c s k ie z u .m w ww


Snypsnaren: Sa Begjinne Wy Troch Jan Hiemstra De measte Eastereiners, mar ek de measte SDS-ers sille it net witte, mar Easterein hat in skoftke twa fuotbalklups hân! It ‘grutte’ SDS en it ‘lytse’ SBW. Fuotbal libbe doe ûnder jongkeardels en jonges. Yn de kompetysje It yn 1947 oprjochte SDS wie yn 1951 sa fier om oan de kompetysje mei te dwaan. De feriening waard lid fan de ôfdieling Friesland fan de KNKB, de opfolger fan de Friesche Voetbalbond. Der kaam ien alvetal yn leechste, de tredde klasse FVB, yn de kompetysje. Oant dan ta waarden der allinne mar freonskiplik spile. It wiene wedstriden tsjin ‘alles’ wat mar fuotbalje woe. Sa teagen de spilers op de fyts nei Frjentsjer, Nijlân, Boalsert en Aldegea-W. Sels Seisbierrum waard besocht om dêr de Algemene Voetbalclub = AVC te befjochtsjen. Faaks dweiltrochwiet en ynkâld kamen de jongfeinten en de jonge heiten op harren bestimming oan. Se hiene der wat foar oer! De jonges By thúswedstriden stiene der hiel wat jonges om it fjild. Se mochten nei ôfrin dan efkes tsjin in echte bal yn oanwâdzje. Op skoalle waard foar bakkerij Dantuma foar en nei skoaltiid al ‘ferwoestend’ fuotballe: op klompen en mei in lytse bal, want in grutten-ien wie te gefaarlik foar de ruten. Al fier foar skoaltiid wiene de spilers presint. Foar de omwenners net altyd it grutste plezier, want ek in baltsje koe wolris troch it rút gean. Letter waard it ‘stadion’ ferpleatst foar de ‘Ald skoalle’ mei as goals de yngong by Van der Eems en de útgong nêst it skoalhûs. It bestjoer fan SDS wie lykwols net te rissen om in jeugdâlvetal oan de kompetysje meidwaan te litten. Ien senioarenâlvetal levere al genôch kopsoargen op. In eigen klup De ‘lytse’ jonges waarden grutte jonges en gongen alle dagen op ‘e fyts nei Snits: nei de ambachtsskoalle, nei de Ulo of nei it Bogermanlyceum. Dêr kamen dy jonges yn kontakt mei guon út oare doarpen. Faaks sieten dy mei itselde probleem: gjin jeugdfuotbal. It wie benammen Marten de Boer en Klaas Visser út Drylst, de lettere hurdrider, dy’t betochten dat der mar ris tusken de jeugd fan Easterein en Drylst fuotballe wurde moast. De jonges yn Easterein moasten earst noch wol ‘organisearre’ wurde, mar dat wie foar Marten gjin probleem. Wa ’t fuotbalje woe, koe en foaral mocht (dat lêste wie belangryk, want tal fan heiten fûnen dat fuotbaljen mar in poatestikkenskopperij wie), mocht meidwaan.


Al of net mei meiwitten fan SDS waard it fjild ‘kaapt’. Soks wie net sa muoilik, want it wie frij tagonklik. Tariedingen Der kamen safolle jonges opsetten dat der twa alvetallen gearstald wurde koene: in earste mei de wat âldere jonges oant in jier of 16 en in twadde foar de wat jongere jonges fan klasse fjouwer ôf fan de legere skoalle. Yn dat lêste team waard ik de keeper. Us heit moast doe noch neat fan fuotbaljen ha. Ik krige gjin fuotbalskuon, mar sokken wiene der mear. Kreatyf as wy wiene waarden oplossing foar sa ’n probleem fûn. Om ’t ús heit skuonmakker wie, hie ik ‘tagong’ ta it proppedoaske. Under in pear âlde (gewoane) skuon waarden dy spikere en dan like it yn alle gefallen in bytsje echt. Oare jonges fuotballen op learzens of gymnastykskuon. Guon op klompen, mar dat wie te gefaarlik, want dy woene wolris troch de loft fleane. It tenu wie gjin probleem: in wyt blûske en in kakybroek. De feriening SBW Der waard in ‘echte’ feriening oprjochte en der moast kontribúsje betelle wurde. Yn de begjintiid mocht de iennige bal dy ’t SDS hie (mei fiter) liend wurde. It wie echt in brún mûnster. Swier as it reinde en as je dêrnei kopten hiene je in print fan de fiter op de foarholle. Wy woene in eigen lytsere maat junioarebal. By in feriening heart in bestjoer en dat kaam der. Yn de keuken fan de herfoarme pastorij waard in ledefergadering útskreaun. Mei twa dominyssoannen as lid en in dominysheit as ‘fan’ koe soks moai. It waard myn earste ledegearkomste mei bestjoersferkiezing dy ’t ik meimakke. Der waarden stimbriefkes rûnparten dêr ’t wy in namme op skriuwe moasten. It wie elk net dúdlik dat soks anonym moast. Sa skreau ien fan de jonges op syn stimbriefke foar de foarsitter ‘Marten de Boer, ôfstjoerder en dan syn namme’. Der waard stimd sa as winsklik wie: Marten foarsitter, Hielke en Thom sekretaris en ponghâlder. De namme waard Sa Begjinne Wy. De wedstriden Stormvogels Drylst waard ús earste tsjinstanner. Sa ‘n reis nei Drylts wie in hiel o-heden. De jonges dy ’t alle dagen nei Snits fytsten wiene dit wol wend. Foar de lytsere jonges wie it in wrâldreis. In pear oeren foar de wedstriid kamen wy op it plein by Bergsma byinoar. Der waard teld en dan sette de stoet fan 22 jonges útein op faaks net de bêste fytsen. Der moast rekken holden wurde mei lekke bannen. As wy dan nei in tocht oer De Kliuw en troch Ysbrechtum yn Snits bedarren, wiene je der noch net. Dan kaam de hiele lange kronkeljende Hemdyk! Gelokkich binne wy alle kearen yn Drylts kommen, en ek wer thús. Yn Drylts waard ferklaaid yn it skieppehok (altyd better as by ús tusken de beamkes) en dan koe it los.


Der waarden ek wedstriden tsjin ploegen tichter by hûs holden sa as alvetallen fan Wommels, Spannum en Itens. It heucht my dat wy útsein Wommels, ek yn dy plakken spilen. Foar de jonges út de oare doarpen wie it natuerlik prachtich om yn Easterein op in echt fjild te fuotbaljen! De tarieding Foardat in thúswedstriid begjinne koe, moast der hiel wat taret wurde. It begong mei de opstelling fan de alvetallen en soks levere natuerlik argewaasje op. It fjild moast klear makke wurde. Guon moasten skieppestront sykje, oaren it fjild ‘kalkje’ (linen oanbringe mei de kalkkwast) en de netten ophingje. Ek it ferkeapjen fan tagongskaartsjes stie heech op de wurklist, want der moast jild yn it laadsje komme. Wie dat allegearre regele dan koene je los. It gong om de ear, mar der mocht net ferlern wurde. It skieppestront sykjen die de klup fertuten. Foar in kwartsje de amer waard dy ferkocht oan doarpsgenoaten. Nearne bloeiden de blommen moaier as by de ôfnimmers fan hânsochte skieppestront! Traine By in bytsje klup moast de traind wurde en dêr wie foarsitter Marten de Boer strang op. Hy wie sels de ‘haadtrainer’ en op syn frije tongersdei-temiddei stie er om healwei fjouweren by, wat doe de nije skoalle wie, om ús nei it fjild te bonsjoeren en dan gong it los: drave, koppe stoppe, sjitte, útgoaie en neam mar op wat je as trainer betinke koene. De ein fan SBW It bestjoer fan SDS seach wol yn dat der wat barre moast. Der kaam lykwols gjin jeugdâlvetal yn de kompetysje, want der wiene wat tefolle spilers foar ien, mar te min foar twa teams. Mei de grutste jonges derby koene der krekt twa alvetallen gearstald wurde. It hat noch oant 1957 ta duorre eart der in alvetal foar jonges fan 12-16 jier (B junioaren) yn de kompetysje kaam. Doe sieten de âldste jonges fan SBW al foar in part yn SDS 1 en SBW bestie al net mear.

Ut de húshâlding fan... Oplossing Dizze kear in foto út de húshâlding fan famylje Sijszeling: Gea, Gerard, Doede en Marian.


 

Bêste minsken,    ús  gemeente     dat  De  Skoalleseize   Koartlyn hat elts yn in artikel fan lêse kinnen        it sa moai foarelkoar hat mei harren frijwilligers.    Dat is ek sa, al jierren wurd alles yn en om De Skoalleseize troch frijwilligers                dien, sa as it ûnderhâld fan it terrein, skjin meitsje fan de gebouwen en it   unieke  gearwurkingfan en foar de mienskip!  bardraaien tidens aktiviteiten. In         As bestjoer binne wy hjir dan ek tige grutsk op!      knipen,   nammen   Mar toch begjint it oantal frijwilligers hieltiid mear te mei              barfrijwilligers. Elts hat it drok op syn as harren eigen manier, logysk, wy like   De  Skoalleseize   sûnder     goed. Toch kin net frijwilligers bestean.        Wy dogge hjirby dan ek in oprop;   DE SKOALLESEIZE    SIKET BARFRIJWILLIGERS!   bar  te  stean     Liket it dy leuk sa no en dan ris efter de tidens in keatspartij dizze simmer? Dat soe hiel moai wêze!   by  it  bestjoer.   Oanmelde kin fia vrijwilligersskoalleseize@gmail.com as  Groetnis bestjoer StichtingDe Skoalleseize Boudewijn Kramer – foarsitter  Marlous van Tuinen – sekretaris   Grietje Bouma – ponghâldster  Oetze Paauw – fjilden  Hille Meijer – gebouwen  Rene Velzen – kantine   Elisabeth Breeuwsma –frijwilligers


Hoe is it mei…. Klaasje Boersma Doe’t se my fregen om in stikje te skriuwen foar dizze rubryk wie myn earste reaksje, wêrom ik? Ik wenje noch sa ticht by Easterein en libje dêrnjonken in hiel gewoan libben. Mar doe’t ik der langer oer nei tocht, begûnen der by my allegear fijne herinneringen út myn jeugd op te borreljen, wêr ’t ik wol wat oer fertelle kin. Ik waard yn 1962 berne oan ‘e Skoallestrjitte, rjocht tsjinoer de legere skoalle, as twadde famke fan Sape en Anke van der Heide. Ik haw ien sus, Hannie. Sy is 6 jier âlder as ik en wennet no yn Joure. Us heit wie timmerman en ús mem húsfrou. It hûs wer’t wy wennen hat ús heit sels boud om ’t der nei de oarloch hast gjin wenromte wie. Mei hulp fan syn oansteande sweager Minne Tjalsma boude hy dêrom in twa-ûnder-ien-kap en dêr hawwe se beide wenne, nei ’t se op deselde dei trouden mei de suskes Griet en Anke Dijkstra fan Skrok. Us heit hat mei syn broer Pieter van der Heide, dy’t yn dy tiid in timmerbedriuw runde yn ‘e pleats oan it begjin fan de Skoallestrjitte (letter Houtsma), mear huzen yn Easterein boud. Sa binne de húskes oan ‘e Sjaardaleane en in diel fan de Andries Joustrastrjitte ek troch harren boud. Ik groeide op mei myn nichtsje en buorfamke Anke dy’t in pear moarne âlder as my is. We boarten faak yn it hokje by harren efter yn e tún, op it skoalplein en yn ‘e boarterstún oan ‘e Vrijburg. Der wie in grutte sânbak dêr’t we faak yn sieten. Buorjonkje Andries learde ús dêr de anatomy fan it jongeslichem kennen, we boarten 7-steek mei in keukenmeske en boetsearren mei in klaaieftige substânsje. Letter kaam ik d’r efter dat dit kattekeutels wienen. We ha d’r gelokkich neat fan oerhâlden. As kleuter gie ik nei de kleuterskoalle oan it Skilplein. We rûnen dan mei juf Anneke Bruinsma en mei ús kroadsjes troch it steechje nei de sânbak. De Stittenserleane wie d’r doe noch net. Yn myn beleving hold de wrâld dêr op te bestean. De legere skoalletiid begûn mei juffrouw Wijma op ‘e souder fan ‘e gerifformearde tsjerke omdat de legere skoalle ferboud waard. Letter siet ik ûnder oaren by Master Hingst yn ‘e klasse, wermei ’t we in protte songen en ik gie fansels ek by him op it famkeskoar. Troch master Hingst kaam ik ek yn oanrekking mei it muzykkorps. Mei freondin Betty Okkema op muzykles wêr’t ik in sopraan saxofoan ta myn beskikking krige en sy in bugel. We hienen les yn


Us gebou, fan de heer Wybenga. Ik wit noch dat hy foar ús les altyd in kertierke les joech oan Douwe, in âldere mongoal, op syn plastik saxofoantsje. Moai no! Nei de legere skoalle op ‘e fyts nei it Bogerman College yn Snits wer ’t ik it VWO dien ha. Yn ‘e 5e klasse bleaun ik sitten. Ik hie it doe ek fjistente drok mei oare dingen. Sa siet ik op tennis, op keatsen, it korps, club, katechisaasje en de toanielferiening. Sneontemoarns fertsjinne ik wat bûsjild troch te himmeljen op de pleats by de famylje Bouma, sneontemiddeis moast ik sa nedich nei it fuotbalfjild, sneontejûns nei de Tsjerne en letter it kafee en leafst sneintemiddeis wer de hort op. It wienen drokke tiiden! Nei it VWO bin ik gelyk oan it wurk gien by soarchfersekeraar Anoz, letter Agis en no opgien yn Zilveren Kruis Achmea. Mei Jehannes Santema yn syn ‘lelijke eend’ en letter Subaru carpoole nei Ljouwert. Ik ha der 31 jier mei folle nocht wurke op ferskillende ôfdielings. Fiif jier lyn bin ik d’r útrekke, nei de safolste reorganisaasje. Oan ‘e iene kant spitich, mar de lêste jierren wie de sjeu fan it kantoarwêzen der al aardich ôf, wêrtroch ik d’r ek net safolle nocht mear oan hie. Ik ha in pear jier sûnder wurk sitten en bin no wer wat oan ‘e gong as ynfalkracht by bibliotheek Mar en Fean yn ferskillende fêstigingen. Hiel wat oars mar seker net minder leuk! Op myn 23e bin ik troud mei Ids Boersma út ‘e Súdhoeke. Hy kaam sneons yn Easterein te fuotbaljen en dernei yn it kafee wêr ’t de fonk oersloech. Ids is dizze moanne 60 jier wurden en is noch geregeld yn Easterein te finen want hy fuotballet noch altyd by SDS. We kochten in hûs oan ‘e Hofkamp yn Wommels en wenje der no al sa’n 33 jier. We krigen twa dochters, Anke en Karina. Se binne al in oantal jierren de doar út mar wenje gelokkich beide yn ‘e buert, de iene yn Weidum en de oare yn


Boalsert. Anke hat al twa kear yn Easterein songen op it doarpsfeest mei de band Solid Ash en ek mei Wilhelmina hat sy oardel jier lyn songen tidens de foarstelling Greidehert. Dat wie foar my wol hiel bysûnder. Karina is yn oplieding ta sjirurch yn Swolle. Der binne we fansels ek tige grutsk op. Sels spylje ik net mear by it korps en bin ik net mear sa aktyf yn it ferieningslibben. Ik ha it noch in tiidsje probearre by Euphonia yn Wommels mar koe myn draai dêr net fine. In sopraan saks past net yn in Harmonie dus moast ik wat oars. Tredde alt saks mocht ik spylje mar dat wie net myn ding. Nei trije kear hoempa wie ik de tel al kwyt. Mar as ik Wilhelmina spyljen hear dan kin ik noch altyd triennen yn ‘e eagen krije. Dat bliuwt toch myn earste leafde. En Easterein bliuwt it moaie doarp út myn jeugdherinneringen!

Ofskied ds. Riemer Praamsma Us predikant ds. Riemer Praamsma nimt ôfskied fan ús gemeente yn ferbân mei syn fertrek nei de Protestantske Gemeente fan Tjalleberd – De Knipe. Op Pinkstersnein 9 juny om 9.30 oere sil hy hjir syn yntrede dwaan yn de Nij Brongergea Tsjerke, Meyerweg 70 yn De Knipe. We binne tankber dat wy 9 jier en 9 moanne mei dûmny Praamsma gearwurkje mochten yn ús gemeente. De ôfskiedstsjinst is op snein 19 maaie 2019 om 14.00 oere yn de Martinitsjerke fan Easterein. De foargonger yn dizze tsjinst is ds. R. Praamsma mei meiwurking fan Balt de Vries, oargel, Bernetsjinst, Sjongensemble Qlassy, Blazers fan Wilhelmina, Dûnsgroep û.l.f. Nathalie Oliveiro. Elkenien is hjirby fan herte wolkom, fanôf 13.30 oere is de tsjerke iepen. Ut namme fan de tsjerkerie, Botty Tacoma-Veenstra (scriba) Protestantske gemeente Easterein






6 61(,1PDDLHb 1(,1PDDLHb 

)(56$00(/-(236.52.$ )(56$00(/-(236.52.$ 

1(,'(7,,'+$:('5,1.(1(13,==$ 1(,'(7,,'+$:('5,1.(1(13,==$ ' 'ULQNHQ» ULQNHQ» ,,WHQ» WHQ»

  *5$$*23-$$1)2$5ࡈ 2$1'(,0$$,( *5$$*23-$$1)2$5ࡈ02 $1'(,0$$,( Z<gjQ[ŸIYQh<DIjP³P]ZI[Y hÁǟÃÂÃÆÇÃÅÄ Z <gjQ[ŸIYQh<DIjP³P]ZI[Y <<hÁǟÃÂÃÆÇÃÅÄ  IhQYYI ]kGIqQW[I[YQh<DIjP g]Ij[Qh  g]Ij[Qh QQIhQYYI ]kGIqQW[I[YQh<DIjP   


Yn Easterein stiet in hús… Troch Gerben van Snits It Vrijburg is part fan in wenwyk út it begjin fan ‘e jierren ’50. By de tuskenwenning tsjin it boarterstúntsje oer skilje ik oan en ik wurd hertlik wolkom hieten yn de romme wenkeamer troch Tiede Vellinga. Syn freondinne Romy Vermaning siet al relaxt op ‘e bank, mar komt ek oan tafel sitten. … en yn dat hús dêr wenje… Tiede (24) is gjin ûnbekende yn it doarp. “Myn libben lang haw ik oan de Sibadawei wenne, in eintsje bûten it doarp. In jier lyn koe ik dit hús keapje en tegearre mei Romy bin ik oan it karweikje gongen om der in eigen plakje fan te meitsje. It wie earst noch net de bedoeling om tegearre te wenjen.” Romy (20): “Ik had nog geen rijbewijs en mijn school en werk had ik in mijn woonplaats Sneek. Niet handig om dan in een dorp te gaan wonen met een slechte openbaarvervoerverbinding naar Sneek. Na een paar nachtjes geslapen te hebben in het huis was de keuze toch snel gemaakt en binnen twee weken woonden we toch samen.” Tiede en Romy wenje no sûnt 15 augustus 2018 oan it Vrijburg, mar beide moasten sy wol efkes wenne. Romy: “Ik ben de drukte van de stad gewend. De geluiden van de stad, van het verkeer en de mensen. Het is hier erg stil!” Foar Tiede is it krekt oarsom: “Wannear’t je op ‘e Sibadawei wat hearden nachts, dan wie dat ien dy’t op it terrein wie. No wurd ik noch wol ris wekker fan in auto troch de strjitte of ien dy’t op ‘e fyts as rinnendewei út de kroech komt. It is hjir yn fergeliking mei de Sibadawei drok op ‘e strjitte, dat wie ik net wend!” Wat hâldt jimme yn it deistich libben dwaande? Tiede is de âldste fan de trije bern fan Jan en Monique Vellinga en rydt no as sechsde generaasje foar it famyljebedriuw. “Ik haw earst op it ynternasjonale transport sitten nei Skandinavië by in oare wurkjouwer. Dat fûn ik ek moai,


mar ik bin bliid dat ik de kâns krige om foar it bedriuw te wurkjen. Ik haw myn eigen frachtwein en dêr bin ik grutsk op. Ik mei der graach oan poetse.” Tiede sil ynkoarten in kursus folgje moatte om it ûndernimmersdiploma te heljen, sadat er eventueel letter de saak oernimme kin. Oan alles fernimst dat Tiede grutsk is op it famyljebedriuw en de lange skiednis. Romy sit noch op skoalle. “Ik ben begonnen met opleidingen in de zorg en als schoonheidsspecialist, maar dat was het voor mij niet. Nu doe ik de opleiding voor onderwijsassistent en loop ik stage bij een basisschool in Heeg. Ik voel me nu helemaal op mijn plek! Wel vind ik het leuk om me te verdiepen in make-up technieken en ik heb ook zeker veel geleerd van mijn opleidingen.” Romy mei ek graach iten siere “Ik mag graag koken voor familie en vrienden.” “Op jierdeis is der altyd genôch te iten!” komplimintearret Tiede har. Tiede docht noch oan fitness yn Boalsert en syn hobby is syn auto, in Audi A4. “Autowaskje is moai wurk, it moat der netsjes út sjen. Foar de rest wit ik der eins te min fan om d’r sels yn om te sleuteljen. Wannear’t ik de tiid weromdraaie koe, hie ik miskien wol foar automonteur leard. Gewoan foar der by.” “Hij herkent bijna alle auto’s aan de lichten of het geluid,” folt Romy oan. Wat betsjút Easterein foar jimme? Tiede: “It is hiel leuk om no mear yn it hert fan it doarp te wenjen. It is in oare belibbing as bûten it doarp.” Romy is de lêste twaenheal jier stadichoan yn de kunde kaam mei it doarp. “Het scheelt dat Tiede al wat contacten in het dorp heeft. Langzamerhand krijg ik zo ook meer contacten. Er heerst een leuke sfeer en je leert de mensen wel kennen, ook middels de dorpsfeesten en evenementen in het café. Inmiddels vind ik de rust van het dorp ook wel lekker. Sneek is maar 10 minuten rijden, je bent er zo, dus familie en vrienden zijn altijd dichtbij. Toch ben ik altijd weer blij om in Easterein terug te komen. Het voelt nu als thuis.”

Hartstichting Opbringst: € 532,35. Kollektanten en doarpsminsken bedankt!!! Hiekje Meijer, Easterein


[YsjhYIhXIgshXIhj<pIgQ[ON<[NgWIZGIqkgGI[ [YsjhYIhXIgshXIhj<pIgQ[ON<[NgWIZGIqkgGI[ 00g]EPIgDI[p<[/[Qjh g]EPIgDI[p<[/[Qjh  99[GIgshXIhj<pIgQ[OQhQjmjO][Ohdk[jG<jGIgh<N]YYI<h [GIgshXIhj<pIgQ[OQhQjmjO][Ohdk[jG<jGIgh<N]YYI<h Z]]OYQXhj<pIgIqkgGj[INNI[hGImjhdg<<X<jWQYGjIX Z ]]OYQXhj<pIgIqkgGj[INNI[hGImjhdg<<X<jWQYGjIX NN]<gNgWIZGIqkgGI[Gs’js[Qj"IGIgY?[hXPQIY]<gh ]<gNgWIZGIqkgGI[Gs’js[Qj"IGIgY?[hXPQIY]<gh hhXgI<k[qkgGI XgI<k[qkgGI 

sOIYsXh

sOIYsXh D kgI<k Dkg] Dkg] EE]ZdkjIg ]ZdkjIg X]ZdWnjIg DkgI<k X]ZdWnjIg EE]kdYIj ]kdYIj XndYIj XndYIj D ]kOQI DnvWs D]kOQI DnvWs jjg<Q[Ig g<Q[Ig jgI[Ig jgI[Ig WW]kg[<<Y ]kg[<<Y hW]Ig[<<Y hW]Ig[<<Y   IEXX]Zjs[QjgshX<YYQ[[QEPN]<gs[X]ZDQ[<<hWIZIQGI ]Zjs[QjgshX<YYQ[[QEPN]<gs[X]ZDQ[<<hWIZIQGIP¥¥E P I P¦  " IGIgY?[hXIqkgGI[ZIQQ[E q kgGIs[QjgshX[INNI[hGImjhdg<<Xhj<pIgI "IGIgY?[hXIqkgGI[ZIQQ[ qkgGIs[QjgshX[INNI[hGImjhdg<<Xhj<pIgI 

sOIYsXh

sOIYsXh EEI[jgkZ I[jgkZ hhQ [ jgkZ EEQWNIg QWNIg hhQ NNIg Ig [jgkZ EE<NK <NK XX< NNII II EE]ZZQhh<gQh ]ZZQhh<gQh XX] ZQhh<gQh  Z ZZQhh<gQh   IEP ZIQs[QjgshX[]<Qj]<[QjDIOWQ[N<[Q[qkgGjN]<gX]ZZI I P ZIQs[QjgshX[]<Qj]<[QjDIOWQ[N<[Q[qkgGjN]<gX]ZZI " IGIgY?[hXIqkgGI[ZIjEP <[QjDIOWQ[qkgGIs[QjgshX[INNI[hGI ]<[QjDIOWQ[qkgGIs[QjgshX[INNI[hGI "IGIgY?[hXIqkgGI[ZIj P ] m jhdg<<Xhj<pIgI mjhdg<<Xhj<pIgI 

sOIYsXh

sOIYsXh EP<]h OO<] EEP]E]Y<GI P]E]Y<GI  XXIY<GI EP<]h hhn IY<GI ]hh   If II[ [rX]ZZIs[QjgshX[IjN]<g"IGIgY?[hXIqkgGI[ZIQGsYIjjIgh X]ZZIs[QjgshX[IjN]<g"IGIgY?[hXIqkgGI[ZIQGsYIjjIgh I qkgGI[INNI[hGImjhdg<<Xhj<pIgI qkgGI[INNI[hGImjhdg<<Xhj<pIgI 

sOIYsXh

sOIYsXh  jjkZ kZ <fk<gQkZ <<Xq q< gQkZ <fk<gQkZ gQkZ fk]jkZ Xq] fk]jkZXq  ggvWI IrEkghQI vWI jj<rQ <rQ j<Xhhs IrEkghQI IIXhhXXk j<  00Q[XGIg]Z Q[XGIg]Z[OIYhXIqkgGIZIQIIX]dhs[[OIYhXhj<pIgIqkgGI[YsX<h [OIYhXIqkgGIZIQIIX]dhs[[OIYhXhj<pIgIqkgGI[YsX<h jI<Zjg<Q[IgE]<EPE]EXj<QY jI<Zjg<Q[IgE]<EPE]EXj<QY  

]<g[I/XgQkqZ<ggshXZ]GkYIÀ¥NnX¦

]<g[I/XgQkqZ<ggshXZ]GkYIÀ¥NnX¦


Grut sukses foar Ronja de Rôversdochter! Dizze winter hat de jongerein in protte wille belibbe oan de repetysjes fan it stik ‘Ronja de Rôversdochter’. Komplimenten foar alle 18 spilers dy’t sa hurd wurke ha. Elke wike repeteare en ek noch sels knutselje oan dekorstikken. Der is wer knap wurk ôflevere der’t jimme alle 18 tige grutsk op wêze meie!

Spesjale fermelding fertsjinje Theresia, Ilke en Sjierkje, sy binne elke wike drok dwaande west om dizze grutte ploech “hokkelingen” te begelieden... En dat is mar wer tige goed slagge! 29 en 30 maart wie it dan einliks sa fier, spylje foar it grutte publyk! De 18 spilers ha dit jier wer geweldich harren bêst dien om foar it publyk in moaie jûn del te setten. Wy kinne jim fertelle dat dit tige slagge is. In geweldich moaie opkomst! Twa kear in seal fol minsken en in protte loovjende reaksjes. Wat is der moai spile en wat seach it der prachtich út. Theresia hat mei har ‘team’ geweldige kreative ideeën útwurke en mei in pracht resultaat. Ek wolle wy de minsken betankje dy’t ús holpen ha efter de skermen: de bouploech, de smynksters, froulju dy’t holpen ha mei de omballingen, de fotografen, alle stipers en Jelien fan it kafee. It bestjoer is elk tige tankber!


FUORT MAR LOS is tank ferskuldige oan ûndersteande bedriuwen foar harren stipe: Bergsma Easterein * Van der Weerdt, beter in verzuimadvies * Túnman Teake Hoveniers * Sijbesma schildersbedrijf * Skylk communicatie * Gebr. Vellinga int. handels- en Transportbedrijf * Sandstra mesthandel, transport & stalling * Couperus Hydrauliek B.V. * Libertas Technical Solutions * Elephant off Road EQ*Joustra-Branje * Drukkerij van der Eems * Tuincentrum de Gaardenier * Woonvaria Wommels * Elfstedenstate B&B * Bakkerij Posthuma * Murk’s Slagerij * It Reade Hynder * Wheagan multicarservice * Leanbedriuw Okkema * Attie’s mode en schoenen * De vlinder bloemsierkunst * DA Fizel Drogisterij * Kapsalon “De Freule” * Warenhuis van der Velde * Klussen- en handelsbedrijf Jaap van der Velde * ROJO Steigerbouw B.V. * Autoschadeservice van Krimpen En fansels ek oan alle frijwilligers dy’t holpen ha by wat foar putsje dan ek, TIGE TANK!!

Bêste doarpsgenoaten, Wat ha wy in kaarten, blommen, kadootsjes en oandacht krigen, doe’t wy 19 maart 60 jier troud wiene. Wy wolle jim hjirfoar tige betankje. It wie geweldich! Groetnis, Sikke en Yt Scheltema


]XhZnjhIgnGX]IXI 0g]EP[[IDIjPGI][O gkQGX]IX 7IG<EPjI[IpI[G<jW][OI[hOII[ YIXXIgIGQ[OI[ZIIgX][GI[Z<XI[ q<[jvIhjkgI[DQW[<[]]QjII[gIEIdj ]d!<<gPQIgQhIgOIYkXXQOG<[j]EP II[6<[g[hjŸ<[6IOj¥ÂĦkQjGI XgIOI[qIPIjgIEIdjp<[II[ PIIgYQWXIXgkQGX]IX IPIDj[]GQO  ÅÁÁOg<ZvIYNgQWvI[GD<XZIIYߥÅÁÁ Og<ZG][XIgDgkQ[ID<hjIgGhkQXIgߥà d<XWIhp<[QYYIhkQXIgߥÃIIjYIdIYh pY]IQD<gIP][Q[OߥÂIIjYIdIY X]IXXgkQGI[ߥÂg<kqIQߥÃX]dWIh ZIYXߥII[DIIjWIq<jIgߥII[ h[kNWIv]kj ]I<YYIhQ[II[X]ZI[g]IgPIjZIj II[ZQrIgj]jPIjII[DgkQ[ZI[OhIY Qh6IjII[E<XIDYQXQ[I[pIgq<gZGI ]pI[p]]g]dÂÇÁOg<GI[Q[II[ IYIXjgQhEPI]pI[]N]dhj<[GÅQ[II[ O<h]pI[]IPIjZI[OhIYQ[PIj E<XIDYQX <XPIjQ[ÂkkgI[ÂÁ ZQ[kjI[O<<g+gQX[<PIjD<XXI[ZIj II[p]gXQ[GIXgkQGX]IX]ZjIXQWXI[ ]NPQWO<<gQhIgZ<OG<[OII[DIhY<O <<[GIp]gXXYIpI[7<EPj][OIpIIg <[GIgP<YNkkgZIj<<[h[QWGI[<[GIghv<XjPQWQ[ 

]<g[I.IhIdjI[" .6N<[h<’[ÁÄWQIgqIg]Z


Ig[IP]IXWI  [OIYhYIIgWI<Ypg]IO]dhEP]]YDQWGIZkvQIXI[]dGIjIYIpQhQIk[WIGIvI q]]gGI[pQ[GI[‹[qIIjWIq<jvIDIjIXI[I[‹ /kEEIh‰

7QYWI[]OZIIgdkvvIYhG]I[‹QWXG<[]ddkvvIYE]g[Ig[Y<<gX]ZjGIvI dkvvIY]]Xp<[G<<[


nieuwsgierig





 



 



 

 

  















 





 







 





 

   

 

 

 





 

 



 



  

kansen. Welkom bij van der Eems.

VA N D ER EEM S . N L E A S T ER EI N / HEER EN V EEN

Profile for Silvia Hania

Doarpskrantsje maaie 2019  

Doarpskrantsje Easterein maaie 2019

Doarpskrantsje maaie 2019  

Doarpskrantsje Easterein maaie 2019

Advertisement