Nije bestjoersleden Doarpsbelang Tongersdei 11 april lêstlyn wie de jiergearkomste fan Doarpsbelang Hâld Faesje. Bestjoersleden Talitha Dijkstra en Grietje Bouma hawwe it stokje oerdroegen oan Catharina Veenstra en Sjoukje van der Eems.
Catharina stelt harsels efkes foar: Myn namme is Catharina Jansen-Veenstra. Ik wenje mei Andries, Auke Andries en Wytze Jorrit oan de Van Eysingaleane 7. Sûnt 1929 wennet de famylje Veenstra op dit adres, dus dat jout ús in soad bining mei it plak en mei it doarp. Oant 2008 siet hjir in boubedriuw. Hjir ha wy no in B&B / fakânsjewenning: Elfstedenstate. Trije keamers mei eigen badkamer en in wenkeamer. De B&B hat in eigen yngong. Fierder hâld ik my Freelance dwaande mei Marketing en Commmunicatie Projekten, faaks op it gebied fan Toerisme en Rekreaasje. Dit doch ik yn ‘e tiid at de bern nei skoalle binne. Hâld Faesje EASTEREIN Sûnt 2016 ha ik my ynsetten foar it Farwegen / Hekkel projekt tegearre mei Hidaard en Hartwert. Dat wurdt dit jier ofrûne mei it oanlizzen fan de steigers en de bebording lâns de Route. Ik gean graach oan de slach mei oare saken foar of yn it doarp.