__MAIN_TEXT__

Page 1

EASTEREIN july & augustus 2019

DOARPSKRANTSJE


Couperus Hydrauliek uw specialist voor hydraulische systemen, aandrijftechniek en machinebouw.

Kwaliteit staat bij ons voorop. Onze uitstekende dienstverlening, de persoonlijke aandacht voor elke klant en het meedenken in een oplossing in de technieken die afhankelijk zijn van oliedruk, zijn daarvoor het bewijs. Wij zijn dan ook snel in staat om op een vakkundige manier storingen te verhelpen, reparaties uit te voeren of nieuwe machines voor u te ontwikkelen. Wij leveren onder andere de aggregaten en machines voor bijvoorbeeld de kunststofindustrie, destructiebedrijven, papierverwerkende industrie, landbouw en de scheepvaart. Daarnaast bouwt Couperus Hydrauliek ook eigen machines. Zo hebben wij ervaring met het bouwen van: • Miniheistellingen• JPL-Persen • Plamuurpersen • Krammenpersen • Palenkrakers • Kielklemmen Door de steeds strenger wordende regelgeving omtrent veiligheid en milieu, leveren wij CE gekeurde systemen en machines. Dit geeft u dus de zekerheid dat u een goed product koopt bij een deskundige en betrouwbare leverancier.

Couperus Hydrauliek BV | Fabrykswei 9 | 8734 HV te Easterein info@couperushydrauliek.nl | T 0515-332288 | F 0515-331640


Kolofon

Nûmer 7 – July & augustus 2019 Ofrûne tiid is Easterein goed op de kaart setten. Sara en Lisa winne SJONG! Nynke, Roelie en Corrie behelje de earste priis mei it NK keatsen foar famkes en Jan Joustra wint de Young Solar Challenge. Fierderop hjir mear oer! No is it tiid foar ûntspanning, aventoeren yn it bûtenlân, sitte yn it sintsje as gewoan neat dwaan. De redaksje nimt ek efkes frij, yn septimber binne we der wer! Wy winskje elts in fijne simmer: oant folgjend boekjeseizoen!

Redaksje: Kopij Doarpskrantsje: Webside Easterein.nl: Facebook: Advertinsje? Rekkennûmer: Printwurk: Foto foarside: Opmaak: Kopijdatum:

Bauke de Boer, Paul David Meesters, Nathalie Oliveiro en Gerben van Snits doarpskrante@easterein.nl as by Gerben van Snits, Skilplein 15 info@easterein.nl Twitter: @easterein_frl Fraach&oanbod&sa en Easterein fan earder en no Mail nei doarpskrante@easterein.nl NL70 RABO 0349 5017 26 û.f.f. Doarpskrante Drukkerij Van der Eems Willy Sybesma Froukje Dijkstra 28 augustus

De redaksje fan de Doarpskrante is net oanspraaklik foar de ynhâld of strekking fan de stikken. De redaksje behâldt har it rjocht foar om artikels yn te koartsjen of mooglik te redigearren. Troch it ynstjoeren fan tekst- of beeldmateriaal jouwe jo tastemming foar it fermannichfâldigjen hjirfan.


Doarpsaginda July 8 july

19.30 oere

10 july

Skilpleinkonsert Fanfare Wilhelmina & Wilhelmini’s Skilplein Griene container Afscheid groep 8 De Foareker

11 july

Lêste skoalledei groep 1 & 2 De Foareker

12 july

Lêste skoalledei groep 3 o/m 7 De Foareker

13 july

Ald papier

14 july

10.00 oere

Jeugdledenpartij KF Easterein De Skoalleseize

09.30 oere

Tsjerketsjinst mei ds. J. Majoor, Snits Martinitsjerke

12.00 oere

Senioren ledenpartij y.g.m. Wommels Wommels

17 july 18 july

Grize container 20.00 oere

24 july

25 july 31 july

Oargelkonsert Martin Mans Martinitsjerke Griene container

09.00 oere

Jong-Feintepartij De Skoalleseize

20.00 oere

Oargelkonsert Sander van Marion Martinitsjerke Grize container


Augustus 1 augustus

Oargelkonsert Jan J. van den Berg Martinitsjerke

7 augustus 8 augustus

Griene container 20.00 oere

Oargelkonsert Peter van der Zwaag Martinitsjerke

10 augustus

Ald papier

14 augustus

Grize container

15 augustus

18.00 oere

KNKB Froulju De Skoalleseize

20.00 oere

Oargelkonsert Harry Hamer Martinitsjerke

21 augustus 24 augustus

Griene container 10.00 oere

28 augustus

KNKB Manlju De Skoalleseize Grize container Lêste ynleverdatum Doarpskrantsje

30 augustus

18.00 oere

Septimber 4 septimber

Nachtkeatsen De Skoalleseize Griene container

6 septimber

10.00 oere

BoerenPC De Skoalleseize

7 septimber

21.00 oere

Nachtkeatsen senioaren De Skoalleseize

Dizze ynformaasje komt fan easterein.nl en út de mailtsjes dy’t wy krije. Ha jo ek wat foar de doarpsaginda? Mail it dan nei doarpskrante@easterein.nl


Fizel

D R O G I ST E R I J - PA R F U M E R I E

TERP 52, 8731 BA WOMMELS TELEFOON 0515 333 210


Ochtendbladen Vanaf 1 juni brengen wij de ochtendbladen rond in de volgende straten: A. Joustrastrjitte, De Ljits, De Singel, De Streek, Griene Leane, Hofsleane, It Risplan, Koaifinne, Sjaardaleane, Skoallestrjitte, Smidslân, Vryburg en Wynserdyk. Mochten er wijzigingen zijn i.v.m. vakanties of andere mutaties kunt u contact opnemen met 06-57992331 of middels een berichtje via Whatsapp. Vr. gr. fam. Kempe Wynserdyk 33

fan... Ut de húshâlding Wa binne dit?


120 jier Wilhelmina

Troch Gerben van Snits Wannear’t ik by earelid Durkje van der Eems oan de doar stean, oerfalt it har dochs in bytsje. Troch alle drokte wie sy de ôfspraak efkes ferjitten, mar freondinne Folkje Visser wurdt hastich skille en komt ek del. Beide hawwe sy yn it bestjoer sitten fan it Wilhelminakorps, hawwe sy desennialang spile en in hiel soad meimakke. Se folje inoar oan yn de ferhalen. Der wurdt in soad lake en anekdoaten útwiksele. In oantal anekdoaten fine je oeral yn dit nûmer werom. Durkje komt fan Gaasterlân en dêr is net sa’n tradysje mei in korps sa’t Easterein dat kent. “Wannear’t it korps fan Koudum mei de feesten yn it doarp kaam, harke ik ademleas. It hat altyd in dream west sels te spyljen en doe’t ik mei Hendrik troude, krige ik de kâns. In skoftke haw ik les krigen fan Imie Veninga en letter noch oan de muzykskoalle en sa kaam ik yn 1981 by it korps. Sa’n fyftjin jier haw ik yn it bestjoer sitten, wêrfan tolve jier foarsitter. In pear jier lyn krige ik gehoarproblemen en moast ik stopje mei blazen.” Foar Folkje wie it in oar ferhaal. “Doedestiids waard der yn Us Gebou oefene troch it korps en dirigint Wybenga joech foar de repetysje algemiene muzikale foarming. Ik wie tsien doe’t ik les krige en yn it jeugdkorps begûn. Doe hearde it by de doarpskultuer en in soad keuze hiene je ek net yn ferdivedaasje. Foar it korps haw ik in soad dien en jierren haw ik yn it bestjoer sitten as skriuwster.” Folkje is ûnderwilens sa’n 53 jier lid fan it korps. 100-jierrich bestean It mei dúdlik wêze dat Durkje en Folkje in soad meimakke hawwe yn al dy jierren. In hichtepunt wie dochs wol de fiering fan it 100-jierrich bestean fan it korps yn 1998. It korps is oprjochte yn it kroaningsjier fan keninginne Wilhelmina, lykas ek in soad oare korpsen. Yn 1995 wiene Durkje en Folkje tegearre nei Helgolân, it Fryske rotseilân 70 kilometer noardlik fan Dútslân yn de Noardsee. Ien kear yn de trije jier wurdt dêr in treffen organisearre foar fertsjintwurdigers fan de trije Fryslannen en fan Friezen oer de hiele wrâld. Kultuer stiet heech yn it findel


dizze dagen. “As wy no ris, oer trije jier, hjir mei ús 100-jierrige Wilhelmina hinne koene…” tochten de froulju. Grutte dreamen wie it korps net frjemd. In bûnte jûn mei kostúms en dekôr stie alle jierren al op de planning, mar dit wie al wat oars. Folkje hat daliks kontakt opnommen mei de Fryske Rie. Donateurs en sponsoren waarden socht en mei it korps nei Helgolân waard ien fan ‘e hichtepunten yn it jubileumjier fan it korps. Folkje: “Mei grutte skippen koene je net oanlizze, dus foar de kust moasten wy oer yn lytse boatsjes. Grutte keardels tilden ús sa út de boat yn in sloep, de ynstruminten der efteroan en sa nei de metershege reade rotsen.” Durkje: “It die bliken dat se fan ‘e organisaasje net wisten wat in korps wie. Tolve stuollen stiene klear foar de ‘Blaaskapelle’ út Fryslân.’ Fansels fiersten te min en der moasten op it lêst stuollen út de jeugdherberch regele wurde. It wie moai te sjen dat de nûmers dy’t wy spilen ek werkenber wiene foar minsken fan oare parten fan de wrâld. It wie ien grut feest!” “It hiele jier wie in feestjier. Wy hawwe in grutte presintaasje jûn mei de musical ‘Poche en Blaze.’ Dit muzikale stik gong oer it wel en wee fan in doarpsfanfare mei alles derop en oan. It wie in hiele ûndernimming. Ik hie der sliepeleaze nachten fan, mar it is in grut sukses wurden!” Jeugdkorps Folkje: “Wy binne ek grutsk op ús jeugdkorps mei sa’n 15 leden. Oare doarpen binne dêr jaloersk op. Troch de gearwurking mei de basisskoalle en de muzykskoalle wurdt der wykliks algemiene muzikale foarming jûn en letter yn it jier wurde ynstruminten útliend troch Wilhelmina oan de bern om kennis te meitsjen mei de muzyk. Sadwaande krije wy elk jier wol in pear entûsjaste muzikanten yn it jeugdkorps derby. Dirigint Joke Krist hat it yn har om sawol de nije as de bern dy’t al langer by it korps spylje in programma oan te bieden dat alle bern boeit. De optredens, lykas by de bernedisko yn de Tsjerne, as in tsjerketsjinst en it Skilpleinkonsert, binne foar de bern ek wichtich om sjen te litten wat se kinne.” Takomst? It Wilhelminakorps wie fan âlds allinnich foar minsken út Easterein. Ast nei in oar plak gongst te wenjen, wie it reizgjen faak in probleem om op de oefenjûnen te kommen. No bliuwe minsken by it korps ek at sy fierder fuort wenje. Folkje: “It is as in húshâlding. Je dogge in soad mei-inoar en fiere hichte- en djiptepunten mei-inoar. Muzyk is yn it hiele libben wichtich.” Folkje hat dochs wol in kanttekening: “Muzyk feroaret mei de jierren en dat is ek net slim. De muzyk dy’t wy no spylje, sil der oer in oantal desennia net mear wêze, mar elke dirigint bringt nije ûnderfiningen en nije muzyk mei.” En dat seit ien dy’t no de tsiende dirigint foar it korps stean sjocht…


Glêstried perikels It bestjoer fan doarpsbelang is de lêste wiken dwaande mei de saken rûnom de oanliz fan glêstried (Snel internet via de Glasvezel). Der is jierren op oantrúne om ek doarp en plattelân oan te slúten op de glestried. De digitale ûntjowing giet hurd, en foar de takomst fan Easterein en omkriten is snel ynternet aanst like belangryk as de fysike ûntsluting. Bedriuwen, Skoalle, dokter en alle ûndernimmers kinne no al net mear sûnder.

Hâld Faesje EASTEREIN

Einliks is it no safier dat der in gaadlik oanbod leit, mar dan blike der ynienen twa partijen te wêzen dy’t ús as klant ha wolle. Jim ha al hiel wat post hjiroer op de doarmatte fûn. De iene, KabelNoord, wol dat allinne foar it bûtengebiet dwaan. De oare DFM/Van Buitenaf wol sawol de oanliz yn it bûtengebiet as yn de doarpen dwaan. De foarkeur fan doarpsbelang giet út nei de lêste. Us gemeente Súdwestfryslân hat 73 doarpen en 92 buertskippen en in enoarm bûtengebiet. En it soe wol tige meager wêze as der allinne mar 2700 oanslútingen yn it bûtengebiet de kâns krije op glestried. Fandêr. It wurdt spannend KabelNoord leit de latte op 60% dielname; DFM/Van buitenaf op 50% dielname yn it bûtengebiet. KabelNoord hat de oanmelding op it lêste momint nei foaren helle fan 15 july nei 30 juny. DFM/Van Buitenaf hat de oanmelding op 10 july. As jim dit lêze is de útkomst fan KabelNoord al bekind. Hat KabelNoord it helle dan komt der dus gjin glestried nei de doarpen. Ha se it net helle dan is ús hoop rjochte op DFM/Van Buitenaf. En wy soene dan graach wolle dat jim der serieus nei sjogge om der oan mei te dwaan. Berend Santema, Annemieke Dinkla, Baukje de Jong, Broer Harmen Abma, Simon van der Velde, Catharina Veenstra en Sjoukje van der Eems


25 july 2018

Junioaren ôfdieling | 14e edysje

henkboo tsmafot ografie. nl

Springkessen

Live mutzinyg!k & ferlot

10.00 oere

|yntree: € 3,-|www.kfeasterein.nl

Wikselpriis: ‘De Sulveren Leest’ oanbean troch Jan Hiemstra, Frjentsjer

Totale

prizepot rom

€ 3.300,-

1e priis: Sulveren keatsballen oanbean troch Grafische Groep Van der Eems, Easterein en jildprizen oanbean troch Jouke Huitema, Nylân Krânsen oanbean troch Gebroeders Faber Grafmonumenten, Dronryp 2e priis: Sulveren keatsballen oanbean troch Juwelier Kramer, Frjentsjer en jildprizen oanbean troch Rabobank Sneek-ZuidWestFriesland, Snits

3e priis: Medaljes en jildprizen oanbean troch Stipersgroep Easterein

Fergees yntree foar fan dizze flyer! 2 persoanen op fertoan (foar de ynwenners fan

Easterein en Hidaard)


Wilhelmina-simmernijs It theatergebou yn Snits is in lokaasje wêr’t je net geregeld komme as korps. Wy wienen foar freed 21 juny frege om dêr te spyljen as de winner fan it Femuzafestival earder dit jier yn Drylts. It wie in fantastysk podium om op te spyljen! Dêrneist ha wy harkje kinnen nei de winners yn de oare kategoryen; slagwerkensemble Oranje út Boalsert, it jeugdkorps ‘de Notenkrakers’ fan Makkum, de 11-jierrige Wietske Baarde as soliste op trompet en it popkoor ‘Hege Hakken’ út Heeg. Wy ha genoaten fan dizze bysûnder musikale optredens! It tafal woe dat in heal oere nei it konsert Maarten v/d Weide lyk foar it theatergebou del kwaam om te stempeljen en wer fierder te swemmen oan syn monstertocht. Bysûnder om dit mei elkoar mei te meitsjen! Yn it foarjier ha de Fryske Boekenaksje en de Anjerkollekte plakfûn, beide goed foar in moai bedrach. Tige tank hjirfoar! Op snein 30 juny ha wy op ’e nij ús meiwurking ferliend oan de Tintetsjinst. Dêrneist ha wy noch twa konserten foar de fakânsje yn petto foar jim; Sneon 6 july om 19.30 oere it Kampingkonsert yn de Gastmer op camping Gouden Plakje fan âld lid Siebren Renema. Sawol de Wilhelmini’s as de Wilhelmina’s sille optrede! Sa’t jim fan ús went binne, slúte wy it seizoen ôf mei it Skilpleinkonsert op moandei 8 july om 19.30 oere. Der binne banken, mar op de eigen stoel sit it ek wol noflik. Wolkom!! Oant sjen en alfêst in hiele goeie simmertiid tawinske!

Anekdote Foar âldere leden is it wol ris swier om te stopjen mei spyljen, mar… “Sa lang at je it ynstrumint drage kinne, binne je wolkom,” wurdt der sein.


Yn bedriuw

Troch Gerben van Snits Ferskate âlde en nije bedriuwen siere Easterein. Ien fan dy nije bedriuwen is Kraamzorg Jikke. Jikke Velzen is in jier lyn begûn as zzp’er. “Ik hie krekt it beslút nommen dat ik as selsstannige wurkje woe, doe’t in buorfrou by my kaam en fertelde dat sy har oanmelde hie foar kreamsoarch by myn wurkjouwer. It waard wol definityf dat ik har fertelle moast dat ik ûntslach nommen hie en foar mysels begjinne soe. Sy waard it earste adres dat ik oannommen hie as zzp’er.” “Dat wol ik dwaan!” Jikke Velzen-Greidanus komt fan Tsjom, mar wennet no tolve jier yn Easterein en is troud mei in echte Eastereiner. Jierren hat sy yn de âldereinsoarch wurke, oant 2012 oan ta. “Ynmiddels wie ik mem wurden fan twa bern, no alve en tsien jier âld. Ik haw genoaten fan ‘e kreamtiid en in soad prate mei ús kreamfersoargsters. Dat woe ik ek wol dwaan! Dochs kaam it der net mei-ien fan, mar doe’t ik troch it wurk in skoftsje thús sitten haw en der by in kreamorganisaasje in fakatuere wie om de oplieding te dwaan, haw ik der net oar twivele.” Selsstannich Nei seis jier foar in organisaasje wurke te hawwen, kaam Jikke yn ‘e kunde mei in kreamfersoargster dy’t as selsstannige wurke. “Ik wist net dat dat mooglik wie en haw ris hifke hoe’t dat wurke. It like my wol wat ta.” Jikke is oansluten by in koöperaasje, wêr’t alve kreamfersoargsters by oansluten binne. “Wy falle foar inoar yn at wy in kear net kinne of wannear’t it wurk it net talit om noch in húshâlding te dwaan. Yn prinsipe nim ik twa húshâldingen yn in moanne oan, mar in befalling is net te plannen. It bern kin trije wike earder komme, mar ek in pear wike letter. De húshâldingen wite dat it net altyd mooglik is dat ik sels kom, mar troch gear te wurkje mei oare selsstannigen krije sy dochs de noadige soarch. Ik doch sels de intake en administraasje en soargje foar de deklaraasjes. Yn it begjin fûn ik it wol spannend, mar it falt my tige mei hoefolle ekstra wurk der yn sit. It jout my folle frijheid.”


Grutske bern “De bern wite net oars as dat ik mei baby’s wurkje. Ik fyn it wichtich om harren mei te jaan wat ik doch en foaral dat der protte ferskillende húshâldings binne. Ryk, earm, bûtenlansk, twa manlju mei in baby as twa froulju. Doe’t ik foar mysels begûn, wie foaral de âldste hiel grutsk. Mem hie in eigen auto, in eigen webside en in eigen logo en it ynskriuwe by de Keamer fan Keaphannel fûn er ek wol eat om grutsk op te wêze!” “Sjoch, hy swimt al!” “De kreamtiid is hiel yntym en de earste kear yn it doarp fûn ik wol spannend. Minsken moatte it wol echt wolle, want je komme inoar ek letter wer tsjin. Mar moai is it ek, lykas in mem dy’t grutsk seit: ‘sjoch, hy swimt al,’ at ik sels by it swimbad bin.” Ek de foto by dit artikel hat in ferhaal: “Dizze húshâlding wie sa bliid mei my. Sy hiene in fotograaf regele foar in fotoshoot en doe moast ik ynienen ek op ‘e foto, mei de lytse poppe. De foto’s mei ik brûke foar publikaasje. Prachtich om mei te meitsjen! Mar foaral de lytse dingen meitsje it sa moai en bysûnder.” Rommelmelding Jikke bewarret alle kaartsjes en skriuwt sels ferhalen op fan wat se meimakke hat. En dat is in hiel soad, want ûnder it ynterview stie se op wacht foar it 155e bern, de 23e sûnt se foar harren sels begûn is. “De bedoeling is dat ik in berjochtsje krij wannear’t de befalling begjint. It rommelet dan al, mar ik hoech net daliks te kommen. Sadwaande kin ik noch wat saken ôfrûne, want de kommende acht dagen bin ik faak by it gesin. It bart wol dat, wannear’t de soarch ôfrûn is, ik deselde nachts wer oproppen wurdt foar it folgjende befalling. Mar oan de oare kant bin ik ek wol ris twa wike frij. Je kinne it net planne! Ik bin meastentiids in pear oeren foar de befalling oanwêzich, sawol thús as poliklinisch (yn it sikehûs). Dit is meastentiids in spannende tiid, want je witte net hoe oft it rinne sil. Gelokkich wurde wy traint om in akute situaasjes de goede soarch te jaan. De rêst fan de kreamwike begeliid ik mem en heit en broerkes/suskes mei de lytse poppe. Der komt altyd wol wat ûnwissens by sjen, se moatte allegearre wenne oan de nije situaasje en de feroarings yn de húshâlding. Je hawwe soms hiele yntensive gesprekken. Moaie en bysûndere, mar ek drôvige foarfallen binne tige wichtich om yn de kreamwike de tiid foar te nimmen en in harkjend ear te wêzen. Ik haw prachtich moai wurk, elke húshâlding is oars. Wannear’t ik skille wurdt foar de befalling sjit ik fol adrenaline. Ik krij enerzjy fan myn wurk, sels midden yn ‘e nacht.”


Ferhuze Fanôf 8 juny wenje we op de van Sminialeane 47g yn Wommels. Mei in soad nocht en wille ha wij hast 38 jier op skrok wenne. We ha it der prachtich hân mei ús bern Minke en Maaike yn it opgroeien mei allegear bern op ’e buert. Gelokkich bliuwt it dierbaar plakje Skrok 3 wol foar ús bestean, omdat ús Maaike mei har Jan der komt te wenjen. Fierder sille we elkoar noch faak tsjin komme, want Easterein en Wommels leit sa ticht bijelkoar mei Skrok der prachtich tusken yn. It giet jimme allegear goed en oan’t sjen. Siebe en Gryt

Verhuizing Met veel plezier hebben wij 27 jaar op de Smidslân 2 in Easterein gewoond. Vanaf 21 juni wonen wij op de Buren 38 8761 PC in Ferwoude. Hierbij wil ik al onze lidmaatschappen in het dorp opzeggen. Hartelijke groet, Familie H. Bleeker

Geslaagd Nellie Stoffelsma is afgestudeerd als Master of Education, 1 ste graads Docent Engels.


Nynke Paauw, Roelie Kroondijk en Corrie Kroondijk winne NK famkes Foar de earste kear yn de skiednis hat Easterein it Nederlânsk Kampioenskip keatsen foar famkes wûn. Lês gau fierder oer dit ûnferjitlike barren! As foarbereiding nei it NK hiene wy 3 ôfdielingswedstriiden hân. Yn Seisbierrum wie de alderearste ôfdielingswedstriid, wy wunen hjir de 1ste priis! De twadde ôfdielingswedstriid wie yn Stiens, wy wunen hjir de tredde priis. De alderlêste ôfdielingswedstriid foar it NK wunen wy wer de earste priis. De dei fan it NK, wy hiene ôfpraten dat wy om 9 oere by ús coach Ype Tiemersma wêze soene. Sa as ôfsprutsen wiene wy der 5 foar 9 oere. Ype hie ús noch in appke stjoerd fan: “Ik kom jimme wol opheljen.” omdat it sok strie min waar wie... Mar foardat Ype it wist stoenen wy al by Ype foar de doar. Dus op nei Menaam, wer it allegear gebeure moest! De earste omloop moesten wy tsjin Reduzum, dit soe op papier wol goed komme moatte. Mar it kin altyd oars! Wy wunen dizze wedstriid mei 5-0 6-0.


Troch nei de twadde omloop, tsjin Grou. Dit soe noch wolris dreech wurde kinne! En dat wie ek sa, samar 2-0 achter! Toen begonnen wy pas te keatsen, samar ek wer 2-2, dizze wedstriid is eindige yn in stand fan 5-3 6-2 yn ús foardiel! De tredde omloop! Tsjin Stiens, wy wunen dizze wedstriid mei 5-1 6-2! De heale finale! Tsjin Makkum, dit soe heel dreech wurde! Mar dat foel allegear wol in bytsje ta. Wy keatsten eins sûnder fouten wêrtroch de einstân 5-2 6-0 wie! Dus troch nei de finale tsjin Dronryp. De finale gong yn it begjin hiel erch gelyk op. Trochdat wy in pear kear de buordsjes op 6-6 beslisse moesten, wy pakten 3 kear in buordsje op 6-6, wy stoenen dus 3-0 foar. Trochdat wy in pear foutsjes makken kamen sy wer even werom, mar dat makke foar ús niks út. Wy wunen dizze wedstriid ek mei 5-2 6-6! Dus Nederlansk Kampioen!!! Toen wy werom kamen yn Easterein stoen de cabrio foar ús klear! Toen ha wy noch in rûnrit hân troch it doarp en troch Wommels! Wy ha der jûns ek noch ien op dronken mei syn allen yn ’e Skoalleseize. Roelie, Corrie, Nynke & Ype

Staasjejildaksje De opbringst fan 'e Staasjejildaksje wie € 210,25!!!! Tige Tank! Jongereinkommisje KF Easterein

Ut de húshâlding fan... Oplossing Dizze kear in foto út de húshâlding fan Domien en Antsje Lolkema: Durk-Rein en Elbrich Lolkema


Ferslach doarpsfeesten 2019 Nei it slagge jubileum fan ferline jier, dit jier wer in gewoan programma mei as tema Jeugdsentiment. Dit kear wer mei in optocht en nij is dit jier in pubkwis! We hoopje dat it bier wer smakke hat! Tongersdei 27 juny 2019 Tongersdeitemoarn gie it feest los mei in optocht. Mei 10 rinnende nûmers en 6 moaie weinen. De dei gie fierder mei alle aktiviteiten: 87 keatsers yn ferskate klassen. Se keatsten yn poultsjes sadat elts in pear kear keatse koe. It oantal follybalteams wie 22, dat wiene 107 follyballers mei elkoar. Ek wiene der moaie partijtsjes te sjen. By it klaverjassen hiene we 6 tafels. Foar de bernespultsjes wiene der ferskate dingen betocht. Hin fange, wetterspultsjes, mei ski’s rinne en een bibberspiraal. It wie in prachtich gesicht al die bern dêr smûk efter de tinte. Weima en Van der Werf spilen middeis yn de tinte, prachtich stikje muzyk dat soarge foar wat sfear yn ‘e tinte. Oan it ein fan de middei wie de priisútrikking. Fierderop stiet wa mei in priis thúskommen is. Jûns wie der wer de optocht mei oanslutend de bekendmakking fan de prizen. Letter wie der muzyk fan Grytz en Grize mei band, wat in prachtige sfear yn ‘e tinte. Wat moai om te sjen dat der ek in protte wat âldere doarpsgenoaten wienen. Neffens ús wie it in tige slagge jûn.

Freed 28 juny 2019 Mei in wein mei dit kear in stik of 15 bern sette de lawaaioptocht útein. Alle doarpsbewenners waarden mei fluitsjes, deksels en oar spul wat flink wat


herrie hie, wekker makke sadat se op tiid by it matinee binne. Dit jier mei ús fertroude Butterfly. Se wisten ús goed op de tafels en banken te krijen en elk die mei. We ha dit jier ôfskie nommen fan Ruurd. Hy ferlit nei 6 feesten it bestjoer fan Oranje & Heitelân. Hy waard mei in ferske tasjongen. It hiele doarp song mei om dizze topper út te swaaien. Hy soarge elts jier wer foar in kâld pilske! Nei it matinee gongen san 30 jeu de boulers wer in baltsje goaien. Foar de oaren wie der dit kear nei it matinee ‘sek slaan’. Wat in minsken diene der mei en wat in lol nei it matinee. Om healwei achten wie de première fan ús Pubkwis ûnder lieding fan Sandra en Alie. Wat in minsken kamen der wer op ôf. In lytse 180 man ha yn opperste konsintraasje ferskate rondes spile om kadobonnen fan Kafé Bergsma. Dêrnei kaam Smûk optreden. Dizze jonge enerzjyke band stiet garant foar in muzikale jûn. De ôfslúter fan wer in tige slagge doarpsfeest. Snein 30 juny 2019 Der wie wer in tintetsjinst. It wie in drok besochte tintetsjinst. Under de kofje slute it korps Wilhelmina de moarn ôf mei in pear muzykstikken. Ek in wurd fan tank oan alle frijwilligers, jim ha ús wer super holpen yn de tariedings, tidens it feest en mei it opromjen fan de tinte nei de feesten. Moai om te sjen dat we it mei syn alle dogge! Ut namme fan de oranjeferiening Oranje & Heitelân, oant folgjend jier! Jan Jetze, Klaas, Christian, Jelte, Johannes, Ruurd, Frida, Vera en Hieke


Alle útslaggen neame we no op: Keatsen; Manlju A-klasse 1e priis; Bote Jellema, Robert Sijbesma, Marten Faber 2e priis; Rémon Tie Bouma en Jan Schurer Froulju A-klasse 1e priis; Sietske Okkema en Marit Kuperus 2e priis; Tineke Dijkstra, Hester Kingma en Gabriëla Bouma Manlju B-klasse 1e priis; Erwin de Boer, Hendrik Kuiper en Marco Rypkema 2e priis; Robert Hoekstra en Bauke Jan Plantinga Froulju B-klasse 1e priis; Petra Jellema, Gerbrich Reitsma, Geertje van der Weerdt 2e priis; Dieuwke Kooistra, Liset Sijbesma, Yvonne Terpstra Manlju C-klasse 1e priis; Eppie Heins, Thom Veldman en Han kooistra 2e priis; Jan Bouke Bouma, Geert Dijkstra en Theunis Hofstee


Follybal Poule A 1e Priis; Krak mei Rene, Marco, Lysbeth en Pieter 2e Priis; Brak mei Antsje, Akke Rixt, Judy, Syb en Gerard Poule B 1e Priis; Hoi ik bin Ruurd mei Peter, Geertje, Michel en Ingrid 2e Priis; Brรปzje mei de Bergsma beuners mei Iris, Jildou, Hannah en Jelien Poule C 1e Priis; Jongelui mei Nynke, Marije, Machtelt, Margreta, Anke Sietske, Arjanne 2ePriis; Helden op sokken mei Niels, Thijs, Sybo, Senay en Rutger

Jeu de Boules 1e Dhr B. Jellema 2e Mw I. Veninga 3e Dhr P. Hingst 4e Mw C. Stremler Klaverjassen 1e Gerben van Snits, 5820 2e Rein Strikwerda, 5586 3e Anneke Zijlstra, 5391 Poedelpriis; Anne Joke Bakker, 3636


Optocht juryrapport Rinnende nûmers 1a Alvestêdentocht troch de Hofkesjongers; Dit is echte Jeugdsentiment foar de âldere generaasjes. Hiel moai útfierd oant yn de details. 1b Kontakt troch Anne Joke en Sieuwke; It meast orizjinele idee, hiel moai in dizze kategory en leuk útfierd. 1c HEA! Omrop Fytsbân troch Jouwert, Thymen, Ruben en Bauke Jan; Een leuk en orizjineel idee, mei moaie ‘wurd grapkes’ útwurke in it gehiel. De bern hiene der nocht oan en dat wie moai om nei te sjen. 2 Hielke en Sietse Klinkhamer troch Jorren en Auke Andries; De Kameleon, by jong en âld bekend. En dêrmei een stikje jeugdsentiment. 3 De Teletubbies troch Fenna en Nynke 3 Jip en Janneke troch Brent en Lotte 3 Anna en Elsa troch Jannieke en jildou 3 Power Puff girls troch Rixt, Fianne en Tjitske 3 Captain Jack troch Femke en Sanne Frouk 3 Spongebob Squarepants troch Anne, Mare, Rixt, Ridzert, Jorrit en Bram

Grutte weinen 1a Roeiend troch de optocht mei in poer geskikte stjoerman troch de Froulju 6 mei stjoerman; Dizze wein sprong der daliks al út om’t er sa moai makke en ôfwurke wie. De trochslach wie de orizjinaliteit en libbenens. 1b Sneeuwwitje en de 8 dwergen troch de Takomst; Dizze wein hie een hege gunfaktor mei al die lytse berntsjes. 2 Dan mar sa troch Hedwich en oare fammen; De dames seagen der prachtich út as ferskillende haadpersoanen fan in mearke en se hienen de wein sels makke. Foaral it boek wie wurk fan makke.


2 3 3

De beukers fan no... en de beukers fan doe troch de Foareker; Een leuk idee mei twa weinen. Dophok 2.0 troch de bierdrinkers De grútte boarterstún troch de iets âldere jeugd fan tsjinwurdich

Publykspriis Rinnende nûmers; De Alvestêdentocht Grutte Weinen; Sneeuwwitje en de 8 dwergen Sek slaan Der wiene 4 sterke manlju Pier Faber, Tymen Dijkstra, Ralf Rotterdam en Durk Plantinga. De winnares by de Froulju wie Anouk van Bote Jellema. Pubkwis 1e De Dokters 2e De Plantinga’s 3e Jaap en syn team 4e Iris en har team 5e De freonen fan Hester Kingma


Sara Orsel en Lisa Sijbesma winnen muziekwedstrijd SJONG Door Paul David Meesters

Met het nummer ‘Dreamelân’ hebben Sara Orsel (zang) en Lisa Sijbesma (piano) SJONG 2019 gewonnen. SJONG is het Friestalige songfestival voor jongeren van 12 tot en met 18 jaar. De wedstrijd wordt eens in de twee jaar georganiseerd, dit jaar was het de achtste keer. De deelnemers moeten een Friese tekst bij een bestaand nummer maken.

Sara en Lisa schreven ‘Dreamelân’ op de melodie van het nummer ‘A million dreams’ uit de film The Greatest Showman. De jury zei over hun vertolking: ‘’Jullie brachten het zó mooi, jullie raakten ons recht in het hart.’’ Het Doarpskrantsje feliciteert Sara en Lisa met dit prachtige resultaat! In een volgend nummer komt een interview met de beide winnaressen te staan.

Anekdote “Wy soene ris nei in konkoers en ús ponghâlder hie in pensjon regele foar it hiele korps, sa tochten wy. It wie net goed gongen en de sliepseal wie al yn gebrûk troch in padfindersklub. Wat no? It wie in pensjon, wat rund waard troch in Ma Flodder, allinnich de sigaar ûntbriek der noch oan. Sy hie noch wol in âld legertinte stien en dêr koene wy wol plak fine. It gers stie knibbelheech, der wie mar ien lyts lampepitsje en it wie ferskriklike smoarch en nachts kaam it wetter troch it dak…”


Orgelconcerten juli en augustus in Martinikerk Easterein De eerste orgelbespeling van dit seizoen in de serie Orgelconcerten in de fraaie Martinikerk te Easterein wordt op donderdag 18 juli 2019 om 20.00 uur op veler verzoek verzorgd door de populaire organist Martin Mans. Martin Mans werd in 1965 geboren te Melissant, op het Zuid-hollandse eiland Goeree-Overflakkee. Op zevenjarige leeftijd ontving hij zijn eerste orgellessen, op elfjarige leeftijd begeleidde hij voor het eerst koren en op twaalfjarige leeftijd werd hij kerkorganist in zijn geboorteplaats. In zijn jeugdjaren schreef hij verschillende concoursen op zijn naam. Naar aanleiding hiervan gaf hij op veertienjarige leeftijd zijn eerste orgelbespeling voor de NCRV-radio. Naast zijn orgelstudie bekwaamde hij zich in koordirectie. Sinds 1995 is Martin Mans organist in de Breepleinkerk te Rotterdam. In de loop der jaren werkte Martin mee aan meer dan 400 CD-opnamen. Ook maakte hij diverse DVD’s. Wegens groot verkoopsucces ontving hij een platina CD en 2 gouden CD’s. Per jaar geeft Martin Mans zo’n 200 concerten. Buitenlandse concertreizen voerden hem door geheel Europa, Canada, Amerika, Australië en Zuid-Afrika. Regelmatig treedt hij op voor radio en TV in het programma ‘Nederland Zingt’. Het programma in Easterein luidt als volgt: 1 Prelude in Classic Style G. Young] 2 Improvisaties over geestelijke liederen [M. Mans] 3 De Vier Jaargetijden [A. Vivaldi/arr. M. Mans] 4 Canonisch voorspel Psalm 84 vers 1 [J. Zwart] 5 Litanies [J. Alain] ‘Reeks aanroepingen/smeekbeden, door Jehan Alain geschreven in een gematigd modern klankidioom. De jong gestorven Alain, broer van de beroemde Marie-Claire, schreef zijn Litanies op jonge leeftijd, vlak voor hij ten tijde van de 2ewereldoorlog naar het front gestuurd werd. De spanning in het muziekstuk is voelbaar. Na een thema vol dramatiek, wordt dit thema in allerlei liggingen en klankkleuren toegepast, om tenslotte te eindigen in een heftig 13-stemmig slotakkoord!’ 6 Populaire werken: a. Schindler’s List [J. Williams] b .The Pirates of the Carribbean [K. Badelt/ J.M. Rozell] c. Ben Hur Chariot Race [E.T. Paull] 7 Improvisatie op verzoek. Sander van Marion De volgende orgelbespeling in de serie Orgelconcerten in de fraaie Martinikerk te Easterein wordt op 25 juli 2019 om 20.00 uur gegeven door de organist Sander van Marion, hij neemt in 2019 met concerten in Nederland officieel afscheid van zijn ruim 60-jarige concert carrière.


Sander van Marion verwierf niet alleen in Nederland, maar ook ver daarbuiten een klinkende naam. Karakteristiek is zijn lichte sprankelende speeltrant. zijn boeiende registerkeuze en zijn improvisatietalent. Concertreizen brachten hem op vele bijzondere orgels over de hele wereld. Een groot aantal lp.’s, cd.’s en dvd’s zijn in de loop der jaren verschenen. Karakteristiek is zijn registerkeuze, boeiend door steeds wisselende klankkleuren, zijn lichte, sprankelende speeltrant en zijn improvisatietalent, waarbij gevoel en sfeer een belangrijke rol spelen. Diverse onderscheidingen vielen Sander van Marion ten deel. Hij is o.a. één van de weinige Nederlandse organisten met de ‘gouden’ onderscheiding ‘Médaille d’Or’, hem verleend door de ‘Société Arts-Sciences-Lettres’ te Parijs voor zijn verdienste voor de Franse orgelcultuur. Het programma van Sander van Marion heeft als motto: Afscheidsconcert Sander van Marion “De wereld rond in 60 jaar” 1. Nederland Prelude en Rondo Chr. Fr. Ruppe 2. Amerika Prelude Gordon Young 3. Canada a. Capriccio ‘Praise my Soul, the King of heaven S. van Marion 4. Duitsland a. Prelude en koraal G. Ph. Telemann b. ‘Nun danket alle Gott’ J. S. Bach 5. Oostenrijk Divertimento W. Am. Mozart 6. Italië a. Sonate voor de fluiten Dom. Scarlatti b. Evensong M. E. Bossi 7. Spanje Sonata in G A. Soler 8. Frankrijk a. Andante Cantabile Ch. M. Widor b. Mars en Toccata Th. Dubois 9. Improvisatie Sander van Marion. Jan J. van den Berg Donderdag 1 augustus 2019 a.s. om 20.00 uur wordt het volgende concert gegeven in de Martinikerk te Easterein door Jan J. van den Berg, voormalige organist van de Nieuwe Kerk te Delft. Jan J. Van den Berg, geboren 31 augustus 1929, hoopt deze maand zijn negentigste verjaardag te vieren en geeft ter gelegenheid daarvan een concert in Easterein, waar hij vele malen een orgelconcert verzorgde. Jan J. van den Berg, geboren in Amersfoort, krijgt de eerste orgellessen van zijn vader, die ruim twintig jaar organist van de Lutherse kerk in de keistad was. Vanaf 1943 krijgt hij les van Adriaan C. Schuurman, die in dat jaar organist van de Sint-Joriskerk in Amersfoort is geworden. In 1947 zet Van den Berg zijn orgelstudie voort aan het Amsterdams Conservatorium onder leiding van dr. Anthon van der Horst, waar hij in 1952 het diploma behaalt. Zijn organistenloopbaan begint in 1945 in Amersfoort (Gereformeerde kerk) en voert via Soestdijk (Emmakerk, 1946-1953) naar de Nieuwe Kerk in Delft (1953-1994).


In Van den Bergs carrière zijn drie belangrijke facetten te onderscheiden: het kerkorganistschap, de concerten en het componeren. In de loop der jaren speelde hij in vele kerkdiensten, gaf hij talrijke orgelconcerten en componeerde hij heel veel, waaronder vele koraalbewerkingen. In Easterein speelt Jan J. van den Berg o.a werken van: 1. Adriaan C. Schuurman 2. Johann Sebastian Bach 3. César Franck 4. Flor Peeters 5. Gabriël Verschraegen en 6. Jan J. van den Berg. Peter van der Zwaag Op donderdagavond 8 augustus neemt Peter van der Zwaag op de orgelbank plaats. Peter van der Zwaag (*1986) studeerde orgel bij Theo Jellema en Erwin Wiersinga aan het Prins Claus Conservatorium te Groningen en behaalde in 2015 zijn diploma Master of Music. Daarnaast studeerde hij bijvak klavecimbel bij Johan Hofmann. Hij won diverse prijzen op verschillende concoursen, waaronder de eerste prijs op het 6e Internationale Orgelconcours Jan Pieterszoon Sweelinck (2017) en de tweede prijs op het Concours International Pierre de Manchicourt (2018). Hij volgde masterclasses bij o.a. Luigi Ferdinando Tagliavini, Lorenzo Ghielmi, Wolfgang Zerer, Eric Lebrun, Guy Bovet en Ben van Oosten. Peter heeft een breed repertoire, met een bijzondere interesse voor 16e- en 17e-eeuwse muziek. Als organist is hij verbonden aan de Kurioskerk (PKN) te Leeuwarden. Hij is bestuurslid van de Koninklijke Vereniging van Organisten en Kerkmusici (KVOK), artistiek adviseur van de stichting 'Organum Frisicum' en hoofdredacteur van de ‘Friese Orgelkrant’. Daarnaast is Peter eigenaar van de muziekhandel en -uitgeverij ‘Boeijenga Music’ te Leeuwarden. Aan de Rijksuniversiteit te Groningen heeft hij tevens een studie Rechtsgeleerdheid gevolgd. Het programma is als volgt samengesteld: 1. Cor Kee Den 34sten Psalm en Den 19den Psalm 2. Jan Pieterszoon Sweelinck Toccata 9. 3. Gottlieb Muffat Ricercata III in a 4. Johann Sebastian Bach Concerto in d-moll, en Fantasia super Christ lag in Todesbanden, en Praeludium und Fuge C-Dur 5. Camphuysen manuscript Daphne 6. Bernardo Pasquini Toccata con lo scherzo del cucco Harry Hamer Op donderdagavond 15 augustus neemt Harry Hamer op de orgelbank plaats. Harry Hamer werd op 4 maart 1956 geboren te Kampen en werd daar op zijn 16e benoemd tot organist van de Nieuwe Kerk. Zijn eerste orgellessen ontving hij aan de Gemeentelijke Muziekschool in Kampen van Henk Sleurink. Harry Hamer studeerde verder aan het Conservatorium te Zwolle o.l.v. Jaap Dragt (orgel), Cees van Dalen(piano) en Jos Leussink(koordirectie). Dit resulteerde in


het behalen van het einddiploma C (solistendiploma) en het praktijkdiploma kerkmuziek, alsmede een speciale aantekening voor improvisatie. De examens hiervoor werden afgelegd op het imposante Schnitger orgel in de Grote - of Sint Michaëlskerk te Zwolle. Concertreizen brachten hem o.a. in Duitsland, België, Tsjechië, Polen, Oostenrijk, Hongarije, Canada en de V.S. Ook het arrangeren van muziek voor koor en orkest behoort tot zijn werkzaamheden. Van hem verschenen 5 l.p.’s en 12 C.D.’s/ DVD’s waarop hij als orgelsolist te beluisteren valt. Daarnaast verleent hij als begeleidend organist medewerking aan diverse opnamen met koor, samenzang en andere solisten, zodat het aantal geluidsdragers waar hij aan heeft meegewerkt inmiddels ruim de 140 is gepasseerd. Het programma is als volgt samengesteld: 1. Klaas Jan Mulder Fantasie - Toccata over: 2. Georg Friedrich Händel Suite “Water Music” 3. Johann Christoph Kellner a) Choralvorspiel “Jesus meine Zuversicht” b) Praeludium C dur 4. Louis James Lefébure-Wely “Meditaciones Religiosas”(opus 122) 5. Willem Mudde Variaties en fuga over “Waer dat men sich al keerd”of wend’” 6. Franz Liszt Praeludium und Fuge über den Namen B.A.C.H 7. William Ralph Driffil - Toccata 8. Harry Hamer - Fantasie over Psalm 108.

Anekdote “It moat yn ‘e tritiger jierren west ha. Wilhelmina hie meidien oan in muzykkonkoers yn Boalsert. Doe’t se nei ôfrin wer op ‘e fyts op hûs ta setten, woene de leden fan it korps wol even oanstekke yn de bekende Tsjerkje op ‘e Kliuw. Foarsitter Hendrik van der Eems fielde dêr fanút syn geloof lykwols neat foar. Hoe moast men him safier krije om dochs even ôf te stappen foar in lekker slokje? Ynienen hie immen in goed idee. Besletten waard om in bân fan in fyts leechrinne te litten! Dy bân moast fansels earst ‘plakt’ wurde. Wylst koene de oaren mei de foarsitter dochs genietsje fan in lekker slokje...” Boarne: 100 jaar Drukkerij Van der Eems


Ut de âlde doaze

De Griene Leane

Utsicht op it hĂťs wer't no de famylje Hoekstra wennet, foto is makke yn 1930


Easterein Rocks – De freonen fan…. Sneon 9 novimber l Bergsma Easterein Ja! It is wer safier! Op 9 novimber wer in nije edysje fan Easterein Rocks. Dizze kear it tema- mei de freonen fan. Muzikale freonen wol te ferstean, want we wolle dy fan herte útnûgje om mei te dwaan! It is al hast 10 jier lyn dat Wilhelmina mei ús mei dy. Dit wie in geweldige jûn en sawol by in oantal muzikanten fan Easterein Rocks – as fan út Wilhelmina kaam de fraach as it mooglik wie om wer tegearre te spyljen. Dus de earste freonen dy binne der al. Mar we wolle mear freonen! We sykje jimme Mar we binne ek op ‘e syk nei nije muzikanten. Dus hasto no altyd al kear tocht, eins soe ik best in kear mei dwaan wolle. Dan is dit dyn kâns. Dêrneist ha we in pear nûmers wat we mei in koar derby dwaan wolle. It liket ús fantastysk ta om mei band, korps én koar op de buhne te stean. Workshops Yn septimber/oktober biede wy derom in oantal workshops oan. Wêrûnder sjonge. It giet der echt net om dasto goed sjonge kinst. It giet ús om de wille en foar de sfear (voor de sfeer, koortje voor de sfeer ;-) – om noch mar efkes yn de feestenstimming te bliuwen). Dus net stinne. Gewoan opjaan, mei in groepke kin fansels ek. En hoe meer zielen, hoe meer vreugd. Easterein Rocks Junior – de freonen fan… Fansels ek dit jier wer in junior útfiering yn it foarprogramma. En ek dit is in spesjale útfiering, want se spylje dit jier tegearre mei it jeugdkorps! Dus fynsto it leuk om mei te dwaan? Spilest in ynstrumint of fynst it leuk om te sjongen? Jou dy dan op. En hast in freon of freondinne fan bûten Easterein? Bring se mei. Want dit kear binne ek freonen fan bûten it doarp fan herte wolkom om mei te dwaan. Mail ús en jou dy op! eastereinrocks@gmail.com Enne….. dochst net mei? Kom dan foaral. Want ek dizze freonen binne mear as wolkom! ;-)


Snypsnaren: De Donia ‘s Troch Jan Hiemstra

Yn 1948 waard ‘sportvereniging Oosterend en omstreken’ oprjochte. Dit wie in oerkoepeljende feriening fan gymnastykferiening O.D.I., Landelijke Rijvereniging De Donia ‘s en fuotbalklup VVO (letter SDS). Letter kaam keatsferiening Easterein der by (der waard oant dy tiid ta op it stik fan it Dobbelân tsjinoer de pastorij keatst). In sportterrein De feriening waard oprjochte om de tsjerkfâden fan de herfoarme tsjerke sa fier te krijen om fan it stik lân (de Skoalseize) dat bebuorke waard troch Hendrik Kuiper in sportterrein te meitsjen. Om it safier te krijen wie druk noadich, want it nut fan sport waard net botte ynsjoen. Twa fan de tsjerkfâden wiene lykwols de heiten fan twa leden fan de rydferiening: Yede Minnes Sjaarda de heit fan Minne Sjaarda en Yede Durks Sjaarda de heit fan Durk Sjaarda. De boeresoannen en efterneven, Minne en Durk, hearder yn 1940 by de oprjochters fan de Donia’s. De Skoalleseize Op it plak der‘t it no noch leit waard in stik greide sportfjild. Boer Kuiper krige in ferfangend perseel, it stik der ’t no de sporthal op stiet. It omfoarmjen fan greide ta in sportfjild wie in hiel o-heden. Der kaam by dat op it part foar Elba in maneezje oanlein wurde moast. Dy maneezje op it sportfjild begûn tichteby de wenhuzen en rûn troch oant it pleintjes foar de sânbak fan de beukerskoalle en de feart dy’t yn de moestúnfeart by de pastorij útkaam. No rint de dyk fan it ’t Heechhiem nei de Stittenserleane der oerhinne en is der in part fan de eardere maneezje by it hiem fan Elba kommen. Maneezje ein fan de fyftiger jierren. Op de eftergrûn de huzen fan Elba. Dúdlik is te sjen wer ’t it sintelpaad rint. De maneezje is mei gers begroeid, want de hynstestront bleau meastal lizzen. It famke op de foargrûn is Jetske Hiemstra dy’t op it pleintsje foar de sânbak fan de beukerskoalle stiet.


Hynders en ruters De maneezje kaam der spesjaal foar de Donia-ruters út Easterein en omkriten. Dit wiene boeresoannen, want sy wiene de iennigen dy ’t oer in hynder beskikten en boeredochters rieden noch net. Miskien seagen de oprjochters oankommen dat der yn de oarloch net al tefolle fertier wêze soe en dêrom nei wat ferdivedaasje deun by hûs socht waard. De hynders wiene de ‘gewoane’ hynders dy ’t oerdeis it boerewurk diene: swiere weinen lûke, foar de meanmesine en de hiele dei yn it spier. Soks jilde ek foar harren bazen. Dy sieten simmerdeis moarns goed fjouwer oere al ûnder de kij. Mar dochs: in fersetsje foar minske en bist wie nea ferkeard. As de bisten der ek sa oer tochten is harren nea frege! De oanlis fan it fjild Op it fjild moasten wurkleazen troch de DUW (Dienst Uitvoering Werken) oan it wurk. Sels guon dy ’t noch nea in lodde yn de hân hân hiene! Se moasten gleuven foar it pleatsen fan drainagebuiskes grave, want in sportfjild hearde ek yn hjerst en winter brûkt wurde te kinnen. It oanlizzen fan de maneezje waard in ferhaal apart. It stik foar Elba moast draineard, mar ek nochris sa ’n 40 sintimeter útgroeven wurde. In part fan de modder waard brûkt om de greppels te sljochtsjen en in part is jierren lizzen bleaun as reserve om lettere gatten op te fuljen. Foar de útgroeven klaai kaam readbrún wâldsân yn it plak. It foel net ta om dit te plak te krijen. It waard oanfierd mei skipkes dy ’t oan de Skippersbuorren leine; dêrwei moast it nei it fjild. Der wiene twa mooglikheden: of mei hynder en wein it hiele doarp troch, lâns de Itenserdyk en oer de reed nei Elba en ûnderweis noch troch fjouwer hikken. Dat wie ek it offisjele paad. De oare mooglikheid wie mei de kroade lâns de feart der ’t no de dyk leit en oer de strjitsjes fan ’t Heechhiem 7 en 3. Foar it kroadzjen waard keazen. Sadree der in skip fol sân oan de Skippersbuorren lei, moasten de boeresoannen jûns efter de kroade yn it spier om it leech te krijen. Sintels Drainage en sân wiene net genôch foar in goede maneezje. De bûtenste râne fan in pear meter moast fersterke wurde. Dat barde mei sintels út it molkfabryk (sintels bliuwe oer by it ferbrânen fan stienkoal). Dy sintels waarden ek troch de boeren brûkt om harren reden te ferstevigjen. Hjoed-de-dei soe soks ferbean wurde fanwegen de swiere metalen dy ’t yn sintels sitte. Nei in flinke oanslach op de beurs en in soad ynspanning lei der in prachtige maneezje. De leden fan de Donia ’s hoechden net mear yn de finne fan Minne en Durk te riden en koene oan de slach foar it ‘echte’ dressuerwurk.


D! NIEUW IN FRIESLAN

? willen leren bespelen t en m ru st in n ee g ment of zou je graa s! Speel jij al een instrukschool Friesland aan het juiste adre e les op het instrument dat je Dan ben je bij Muzie en zeer ervaren muzikanten en speelt vanaenf gedeluieedsrsttechniek. ofessionele , bas of zelfs lichtJe krijgt les van pr gitaar, drums, zang , rd oa yb ke , no graag wilt leren. Pia

! n i e r e t s a E n i s e l Nu ookerritgHiintgast avoorr meer informatie, l Bel of mail G schoolfriesland.n ek zi u m t@ ri er g / 06 184 21 578

lfriesland.nl o o h c s k ie z u .m w ww


De ruters Foar ús as doarpsbern hie de maneezje wat geheimsinnichs. Der waard in sport op beoefenen dy ’t fier fan ús ôf stie en der ’t wy fan tochten dat it hiel wat koste. De hynders wiene der wol, mar de beriders seagen der yn de rin fan de tiid hieltyd lúkser út. Yn de begjinjierren wie der noch wolris in ruter mei spoaren oan gewoane rubberlearzens en in sek of dweil as ‘sadel’, mar al rillegau kamen rydlearzens mei spoaren en in cap op ‘e holle. As der dan útpakt waard op in toernoai dan kamen de strakke rydbroeken, de swarte jaskes mei de wite boesgroentsje en de strik der by foar, oan. Dressuer Foaral op sneontemiddei waard der oefene. Ik sjoch de wite buordsjes mei de swarte haadletters noch om de maneezje stean en de ynstrukteur yn it midden: ‘bij A afwenden, by D yn galop, by H van hand veranderen (en dan fleagen de hynders skean oer de maneezje), ensfth.’ Foar ûnderlinge wedstriden mei oare ruterferieningen sa as de Molenruiters fan Vroubuurstermolen, de Waterpoorters út Snits en de Gaasterlanners út Gaasterlân moast der tige oefene wurde. As it dan sa fier wie seagen hynder en ruter der ‘top’ út. Foar ús as fuotballers en keatsers wiene dy ûnderlinge wedstriden net it grutste ‘genoegen’. Foar al dy hynders dy‘t moarns mei feeweinen oanfierd waarden, of rinnendewei út de omkriten fan Snits kamen, wie de maneezje te lyts. Op in hoeke fan it sportfjild waard dan in trajekt útset om yn te riden, mar sa no en dan naam in bist in spurt dwers oer it fjild. Wy sieten dêrnei mei de gatten dy’t troch de hynstepoaten ûntstiene. Fuotbalhoekje Wy hiene ek profyt fan de maneezje. Nei de drainaazjeoperaasje die bliken dat it wetter op de measte plakken op it sportfjild noch min fuort woe. De maneezje wie in geunstige útsûndering en dêrtroch koene hiel wat Eastereiner jonges nei skoaltiid in skoftke op de maneezje fuotbalje. Ek de bysûndere blommen dy’t yn de begjinjierren yn it sân fan de maneezje bloeiden, sa as boskfioeltsjes, ha bydroegen oant myn oantinkens oan dit bysûndere stikje sportterrein dat letter ferdwûn is om ’t der yn 1967 de feriening noch mar twa ridende leden mear hie. Oant 1976 is de feriening, nei in sliepend bestean fan njoggen jier yn Wommels op ‘e nij begûn. Betink Eastereiner doarpsfeestfierders, dat de feesttinte der ’t jimme in pear dagen lyn yn sieten, foar in part op de âld maneezje stie!


Oprop reisferhalen! Foar it nije boekjeseizoen binne wy op syk nei reisferhalen. Hasto in leuk, spannend as bysûnder ferhaal? Stjoer dan in mail nei doarpskrante@easterein.nl as sis it ien fan de redaksjeleden!

Slagge! De redaksje winsket eltsenien dy’t slagge is in geweldich feest, in wolfertsjinne fakânsje en in protte sukses mei ferfolchoplieding as baan.

Longfonds De collecte van het Longfonds heeft dit jaar in Easterein € 446,07 opgebracht. Een prachtig bedrag! Namens alle collectanten hartelijk dank voor uw gift. Antje van Schepen

Opbrengst Rode Kruis collecte In week 25 zijn veel vrijwilligers voor het belangrijke werk van het Rode Kruis op pad geweest. De totale in Easterein is hiervoor € 446,40 opgehaald. Een geweldig resultaat! Ik wil alle collectanten heel hartelijk bedanken voor jullie medewerking en inzet. Tynke Joustra


Yn Easterein stiet in hús… Troch Gerben van Snits

Tichter by de tsjerke as op ’e Tsjerkebuorren kinne je net wenje, it grien fan ’e beammen om it hôf jout skaat, fûgels kwetterje der op los. Hjir yn ’e buorren haw ik in skoftsje lyn by in pear minsken oanskille. Lykas ek wol op oare plakken wol ek hjir net eltsenien yn it Doarpskrantsje. Dus troch nei de folgjende door en sa kaam ik troch de hage en in krease foartún by in moai hús út 1907. … en yn dat hús dêr wennet…

Kees Westerbeek die de door iepen, mar foar in petear wie doe noch gjin tiid, dus sa krekt foar de doarpsfeesten sitte wy op in jûn yn de tún. De sproeier slagt in pear kear hinne en wer om it nije libben in kâns fan groeien te jaan. It mei in Pulitzerpriis bekroane boek fan Annie Proulx wurdt oan de kant lein en in pot kofje is gau makke. Eefkes letter komt buurhûn Chika del foar in bytsje ekstra oandacht. Kees hat yn jannewaris al yn De Pinne stean, mar slagt in ynterview net ôf. “Mijn vorige woning was een monumentaal pand in de binnenstad van Harlingen, maar dat beviel me niet zo. Mijn vriendin Theodora zoekt al enige tijd naar een huis met atelierruimte in Friesland en kwam deze woning tegen. Wij zijn toen gaan kijken en het liet ons niet meer los. Easterein is een mooi dorp, niet verpest door industrie, nieuwbouw of hoogbouw. Het is vriendelijk. Het huis behoefde de nodige aandacht en de tuin is maar een postzegeltje, maar zo blijft er tijd voor andere zaken.” Kees wennet yn Easterein en Theodora noch yn De Haach, wêr sy in atelier hat. “We zijn wel regelmatig bij elkaar, maar het gevoel van vrijheid is ons ook veel waard.”


Wat hâldt jo yn it deistich libben dwaande? Kees is arsjitekt en foar syn wurk al mannich kear ferfearn. “Ik ben niet gebonden aan een plek, maar vind het wel belangrijk iets voor mijzelf te hebben. Een plek om te wonen en werken. Op momenten dat het met de conjunctuur minder ging, verkocht ik het huis en ging ik kleiner wonen. Bij hoogconjunctuur was juist een groter huis nodig om werkplekken voor medewerkers te creëren. De enige keer dat ik een etage heb gehuurd om te werken, is de flat door brandstichting ontploft. Veel boeken, tekeningen en werk waren weg. Je kiest niet voor verlies, maar als het zover is, moet je het nemen.” Een rûnlieding troch it hús docht bliken dat der moannen wurk yn sit. Wurk foar in arsjitekt. Een naadloze oergong fan it hús nei de âlde skuorre en oeral is romte makke. “Van de vloer tot de zolder en al het leidingwerk; alles is vernieuwd. Alleen de muren zijn blijven staan, al moest daar ook het nodige aan gedaan worden.” In oantal kleurige skilderijen moatte noch in plak krije, ljocht komt troch de nije ruten moai nei binnen. Ek boppe is ekstra romte makke en de treppe hat by it boppeste trêd in ljochtstrook krigen. “In de voormalige schuur komt een galerie voor de schilderijen van Theodora en wat werk van mij. De gemeente heeft geen bezwaar en vanaf oktober kan men op afspraak langskomen in ‘Galerie Kleurrijk.’ Theodora heb ik ook door ons werk leren kennen. Een opdrachtgever had in Museum Van der Togt haar tentoonstelling gezien en vroeg mij naar een specifiek schilderij te gaan kijken of het wel zou passen. Haar werk sprak me aan, ik kocht iets en het was een leuke ontmoeting. Het heeft overigens nog wel wat jaren geduurd voor we een relatie kregen, maar we hebben elkaar nooit uit het oog verloren.” Wat betsjút Easterein foar jimme? “Als architect zoek je naar de menselijke maat, geborgenheid en kleinschaligheid. Als mens heb ik dat in Easterein gevonden. Het is een verstild plekje, ik heb hier geen auto’s voor de deur, geen knallende brommers. Ook Theodora ervaart de stilte als weldadig. Het huis is heerlijk, de bomen, vogels en de kerk. Ik kan moeilijk zonder het gebimbam van deze mooie oude kerk! Er wordt gegroet op straat en soms een praatje. Laatst zijn we naar de buurtbarbecue geweest en zo leer je ook meer mensen kennen. De Friese taal is lastig, soms versta ik het wel en soms niet. De Friezen moeten maar wennen,” seit Kees laitsjend. “Het gaat om leven en laten leven - en dat geldt voor beide partijen!”


De bibliotheek deze zomer Tijdens de zomervakantie van 19 juli t/m 23 augustus is de bibliotheek op vrijdag open tot 18.00 uur i.p.v. 20.00 uur. En zoals altijd zijn wij met de Freulepartij gesloten en dat is dit jaar op woensdag 7 augustus. De maanden juli en augustus is er voor het derde jaar een zomerexpositie van het werk van Marijke de Jong uit ReahĂťs. Zij versierd en bekleedt woonobjecten met vilt. Marijke de Jong maakte 10 jaar geleden kennis met het vilten op een avond van de vrouwenvereniging en was meteen verkocht. De kleuren en de aaibaarheid van de wol maakten haar enthousiast om het vilten verder te ontdekken. Samen met een vriendin, die ook besmet was geraakt met het viltvirus, is ze workshops en cursussen gaan volgen. Sinds een aantal jaar heeft Marijke een atelier waar ze vooral woonobjecten maakt, zoals vachten, wandkleden, keien, vazen en poefjes. Daarnaast geeft zij hier workshops. Ons DigiTaalhuis is deze zomer onbemand. Je mag gerust komen oefenen maar voor begeleiding kun je naar bibliotheek Sneek. Daar is het DigiTaalhuis wel open op dinsdag en donderdag van 13.30 - 16.30 uur. Ook daar ben je van harte welkom om je Nederlandse taal bij te spijkeren. Deze zomer kun je automatisch voor 6 weken boeken lenen in de periode van 8 juli t/m 11 augustus. Wil je al eerder je boeken langer mee vraag dan even aan de balie. Dan wenst team Wommels jullie allemaal een ďŹ jne zomer.


Jan Joustra Nederlands kampioen Young Solar 2019 Zaterdag 23 juni werd Jan Joustra met Solarboat team Bogerman Nederlands kampioen: Gefeliciteerd! Hoe de challenge is verlopen? Lees snel verder! Ik ben Jan Joustra en zit op de CSG Bogerman in sneek 3e leerjaar vakcollege. Elk jaar sinds 2009 doet onze school mee aan de Young Solar Challenge, dit is een wedstrijd waarmee je Nederlands kampioen met zonneboot race kunt worden.

De tweede week van januari zijn wij met een team van 10 jongens gestart met de bouw van een solarboot. Iedere school koopt hetzelfde bouwpakket, hierin zit het hout voor de boot, ieder team moet hetzelfde soort zonnepanelen, accu’s en motor gebruiken. De standaarduitrusting van ieder team is dus hetzelfde. Je moet als team zelf de boot zo snel mogelijk maken binnen de regels die Young Solar opstelt. Dit is een heel karwei en er gaan vele uren in zitten. Voor mij was het een hele uitdaging en heb hier ook enorm veel van geleerd. Voordat de wedstrijden beginnen moet je tijdens de proefvaarten als de boot verder klaar is de techniek verder uitwerken om zo snel mogelijk te kunnen varen en te manoeuvreren. In mei beginnen de wedstrijden. Tijdens de wedstrijden is er een onderdeel dat de schipper op aanwijzingen van 3 teamleden (deze berekenen hoeveel stroom er nog in de accu’s zit) zo snel mogelijk maar wel precies een uur moet varen. Het is dus de kunst van de computer mensen om ervoor te zorgen dat de accu’s precies na een uur leeg


zijn en niet eerder. Ook is er een onderdeel dat je een bepaald parcours op volle snelheid moet aeggen. De wedstrijden waren dit jaar in Harlingen, Akkrum, Heusden en Purmerend. Vanaf de eerste wedstrijd hebben we de hele tijd op het 1e plek in het algemeen klassement gestaan en hebben we de Leader Vlag mee naar huis gehad. Tijdens de wedstrijd in Heusden was ook een onderdeel dat er met een laser gun gemeten werd wat de topspeed van de boot is. Daar was mijn snelheid 19.3 km per uur, het huidige Nederlands record was 18.7 km per uur. Dus daar had ik al een nieuw Nederlands record neergezet. Bij de laatste wedstrijd 21 juni in Purmerend werd ook bekend gemaakt wie op alle wedstrijdonderdelen bij elkaar Nederlands kampioen Young Solar is geworden. Voor het eerst in de Bogerman geschiedenis is ons team nu Nederlands kampioen Young Solar geworden.


Kijk eens met andere ogen Woensdag 12 juni lanceerden Friese Milieu Federatie, Kening fan ‘e Greide en Natuurmonumenten het project “Kijk Eens Met Andere Ogen” in de vogelkijkhut van Skrins om zo het belang van het Friese weidelandschap onder de aandacht te brengen. De opening (zie foto hieronder) werd gedaan door Natuurmonumenten en de Friese Milieu Federatie.


Foto's: Marrigt van der Valk


In lyts leske Frysk: De stavering fan twalûden (part 2 - brekking) Troch Gerben van Snits In twalûd is in fêste kombinaasje fan twa lûden yn ien wurdlid dy’t soepel yn elkoar oergeane. Yn juni binne we dêr mei begûn, hjir it twadde part. By fjouwer twalûden (oa, ie, ea, oe) kin ‘brekking’ foarkomme. It ferskynsel ‘brekking’ is in útspraakferoaring dy’t foarkomme kin as in wurd feroaret, bygelyks yn de meartals- of de ferlytsingsfoarm fan it wurd, of yn gearstallings. De klam ferspringt dan fan it earste diel fan it twalûd nei it twadde. Dit komt ek yn de namme fan ús doarp foar, fergelyk earst mei Easterein. Oare foarbylden: doar – doarren peal – peallen

stien – stiennen stoel – stuollen

Tink derom: brekking is gjin regel foar, men moat wurdt foar wurd besjen oft it wurd wol of gjin brekking krijt. Brekking is faak te werkennen oan de stavering. By de oa, ie en ea sjogge wy in ferdûbeling fan it bylûd. By de oe sjogge wy ferdûbeling fan it bylûd en de feroaring fan oe yn uo. Gjin brekking by meartal of ferlytsingswurd roas roazen – roaske doaze doazen kier kieren – kierke bear bearen – bearke boer boeren – boerke

Wol brekking yn dy gefallen: doaske stien stiennen – stientsje beam beammen – beamke foet fuotten – fuotsje

Tink derom: - de uo kin ek yn grûnwurden foarkomme: skuorre, muorre, buorlju - de oa kin ek yn grûnwurden foarkomme: doarp, koart Tink derom: - fjild, strjitte: dizze wurden hawwe gjin grûnwurd mei ie, dêrom wurde se mei in ji skreaun. - Spjelde, hjerring, rjemme: dizze wurden hawwe gjin grûnwurd mei ea, dêrom wurde se mei in je skreaun. Boarne: Skriuw mar Frysk, module 1 (Afûk)


Hoe is it mei…. Jildert Hijlkema Mijn naam is Jildert Hijlkema en ik ben 30 jaar. Na omzwervingen in Velp (voor studie), Boven-Leeuwen en Nijmegen ben ik sinds maart vorig jaar woonachtig in Ravenstein; een klein vestingsstadje langs de Maas in de provincie Noord-Brabant. Bij weggebruikers misschien ook wel bekend vanwege het fileleed bij de brug over de Maas. Ik woon hier samen met mijn vrouw Bo.

Wannear en wêr yn Easterein hast wenne?

Ik heb tot 2008 in Easterein gewoond, waarna ik voor studie naar Velp ben verhuisd. Hier groeide ik op aan de Koaifinne met basisschool ‘De Foareker’ om de hoek. Mijn ouders wonen hier nog altijd.

Bernetiid

In mijn jeugd stonden vooral (zaal)voetbal en de natuur (hutten bouwen, (kievits)eieren zoeken en vissen) centraal. Een geweldige, onbezorgde tijd! Van de basisschool herinner ik mij vooral de strenge, doch rechtvaardige leerkrachten.

Freonen fan doe

In mijn jeugd trok ik vooral op met generatiegenoten, zoals de gebroeders Sytze en Doede Kooistra, Steffen Bruinsma, Ids de Boer, Bernardus van der Meer en Sicco Scheltema. Een deel van hen is volgens mij ook niet meer woonachtig in Easterein. Sinds ik in 2008 Easterein heb verlaten is in de loop van de jaren het contact verwaterd. Dat ik niet bijster actief ben op social media heeft hier vermoedelijk ook aan bijgedragen. Voor familie en de natuur ben ik uiteraard nog wel met enige regelmaat in Fryslân te vinden.

Oantinkens oan Easterein

Eigenlijk heb ik slechts louter goede herinneringen aan Easterein; een hecht dorp met een sterk verenigingsleven. Nadeel is dan weer wel dat er altijd (hoge) verwachtingen zijn als het gaat om vrijwilligerswerk voor de verenigingen. In mijn ogen moet iedereen deze keuze voor zichzelf kunnen maken.


SDS

Ik was in mijn jeugd hele zaterdagen en zondagen op de sportvelden van voetbalvereniging SDS te vinden; als voetballer op het veld en later ook in de zaal. Verder ben ik ook actief geweest als jeugdtrainer en jeugdscheidsrechter (misschien is spelbegeleider wel een betere term). Tijdens mijn studie in Velp reisde ik nog een aantal jaren op en neer voor wedstrijden bij het tweede en eerste elftal. Destijds hield ik mijn conditie op peil bij VVO uit Velp en later FC Presikhaaf (inmiddels failliet) uit Arnhem. Daarna heb ik nog in het tweede en eerste elftal bij sv Leones uit Beneden-Leeuwen gespeeld.

K3Delta

Ik werk inmiddels alweer vier jaar als projectleider op de afdelings gebiedsontwikkeling bij K3Delta; een multidisciplinaire speler op de grondstoffenmarkt. Veelal gaat het om projecten waarbij natuurontwikkeling en hoogwaterveiligheid worden gecombineerd met delfstoffenwinning (zand, grind en/of klei). Als gebiedsontwikkelaar houd ik mij onder andere bezig met de planvoorbereiding, het communiceren over plannen met de omgeving en bevoegde gezagen, het uitzetten van onderzoek en het regelen van de benodigde vergunningen. Daarnaast houd ik tijdens de uitvoering van projecten een oogje in het zeil of wij voldoende rekening houden met (beschermde) flora en fauna. In mijn vrije tijd ben ik vooral in de Nederlandse natuur te vinden. Als fanatieke vogelaar kom ik in alle uithoeken van het land. Inmiddels heb ik in Nederland al zo’n 390 vogelsoorten gezien. Met recente vogelvakanties naar Georgië en Oman blijft deze hobby overigens niet beperkt tot de landsgrenzen. Overigens ben ik naast vogels ook zeer geïnteresseerd in dagvlinders, libellen en planten. Voor de dagvlinders steek ik ook regelmatig de landsgrenzen over (Eiffel in Duitsland en Ardennen in België). Inmiddels ben ik al even gestopt met voetbal. Met hardlopen probeer ik mijn conditie op peil te houden, met de Slachtemarathon telkens weer als doel. Dit is een soort traditie geworden.

Rivierengebied

In de afgelopen jaren ben ik het rivierengebied steeds meer gaan waarderen. Waar in veel gebieden de biodiversiteit achteruit gaat, is in veel gebieden langs de Grote Rivieren juist een omgekeerde ontwikkeling gaande. Bijzondere en zeldzame flora en fauna keert er terug. Ik kan iedereen een bezoek aan een voorbeeldgebied zoals de Millingerwaard of de Hemelrijkse Waard aanraden!


De koksmûtse: Blondies Door Annebeth de Jong  Dit keer een heerlijk recept ingestuurd door een trouwe lezeres van deze rubriek! Ingrediënten • 225 gram roomboter • 250 gram rietsuiker • 2 eieren • 1 tl vanille extract • 275 gram bloem • snufje zout • 50 gram witte chocolade • 50 gram pecannoten Bereiding • Verwarm de oven voor op 200 graden Celsius (hetelucht: 180 graden) • Bekleed een vierkant bakblik met bakpapier • Hak de chocolade en noten in stukjes • Smelt de boter in een pannetje • Mix de boter en suiker tot een glad geheel • Voeg de eieren en vanille toe en mix enkele minuten goed door • Doe de bloem en het zout erbij en meng nog even kort door • Spatel tot slot de chocolade en noten door het beslag • Schenk het beslag in het bakblik • Bak in de oven voor 25 tot 30 minuten • Laat goed afkoelen en snij in stukken

Anekdote “Lang lyn wie it net sa gewoan foar de âldere minsken om ‘fan de pôle’ te kommen. Sa ek foar Koop Lammertsma. Doe’t it korps op in kear yn Snits spylje moast, wie er ferheard dat er oan de tagongsdyk lies: ‘Koop in Sneek’ Hy sei: “Hoe witte se no dat ik hjir bin?”


Bernehoekje

Troch Froukje Dijkstra

= swart

= giel

= oranje

= blau

Fijne fakânsje!


nieuwsgierig





 



 



 

 

  















 





 







 





 

   

 

 

 





 

 



 



  

kansen. Welkom bij van der Eems.

VA N D ER EEM S . N L E A S T ER EI N / HEER EN V EEN

Profile for Silvia Hania

Doarpskrantsje july 2019  

Doarpskrantsje Easterein july 2019

Doarpskrantsje july 2019  

Doarpskrantsje Easterein july 2019

Advertisement