Page 1

DOARPSKRANTSJE EASTEREIN july & augustus 2020


Couperus Hydrauliek uw specialist voor hydraulische systemen, aandrijftechniek en machinebouw.

Kwaliteit staat bij ons voorop. Onze uitstekende dienstverlening, de persoonlijke aandacht voor elke klant en het meedenken in een oplossing in de technieken die afhankelijk zijn van oliedruk, zijn daarvoor het bewijs. Wij zijn dan ook snel in staat om op een vakkundige manier storingen te verhelpen, reparaties uit te voeren of nieuwe machines voor u te ontwikkelen. Wij leveren onder andere de aggregaten en machines voor bijvoorbeeld de kunststofindustrie, destructiebedrijven, papierverwerkende industrie, landbouw en de scheepvaart. Daarnaast bouwt Couperus Hydrauliek ook eigen machines. Zo hebben wij ervaring met het bouwen van: • Miniheistellingen• JPL-Persen • Plamuurpersen • Krammenpersen • Palenkrakers • Kielklemmen Door de steeds strenger wordende regelgeving omtrent veiligheid en milieu, leveren wij CE gekeurde systemen en machines. Dit geeft u dus de zekerheid dat u een goed product koopt bij een deskundige en betrouwbare leverancier.

Couperus Hydrauliek BV | Fabrykswei 9 | 8734 HV te Easterein info@couperushydrauliek.nl | T 0515-332288 | F 0515-331640


Kolofon

Nûmer 7 – July & augustus 2020 Redaksje: Bauke de Boer Marijke de Boer Paul David Meesters Nathalie Oliveiro Einredaksje: Amarins de Haan Foto foarside: Willy Sybesma Opmaak: Froukje Dijkstra Printwurk: Drukkerij Van der Eems Kopij Doarpskrantsje: doarpskrante@easterein.nl as by Nathalie Oliveiro, Dobbelân 7 Webside Easterein.nl: info@easterein.nl Twitter: @easterein_frl Facebook: Fraach&oanbod&sa

SLAGGE! gEWELDiCH!

SUPER DIEN! topper! De redaksje wol eltsenien dy’t slagge is fan herte lokwinskje!

Advertinsje? Mail nei doarpskrante@easterein.nl Rekkennûmer: NL70 RABO 0349 5017 26 û.f.f. Doarpskrante De redaksje fan de Doarpskrante stelt har net oanspraaklik foar de ynhâld fan ynstjoerde stikken. De redaksje behâldt har it rjocht foar om artikels yn te koartsjen of mooglik te redigearren. Troch it ynstjoeren fan tekst- as beeldmateriaal jouwe jo tastimming foar it fermannichfâldigjen hjirfan.

Kopijdatum: Woansdei 26 augustus



Doarpsaginda July 08 july 11 july 15 july 22 july 29 july

07:30-08:30 09:00-10:00 07:30-08:30 07:30-08:30 07:30-08:30

griene kontener Ald papier Wilhelmina grize kontener griene kontener grize kontener

Augustus 05 augustus 08 augustus 12 augustus 19 augustus 26 augustus

07:30-08:30 09:00-10:00 07:30-08:30 07:30-08:30 07:30-08:30

Septimber 02 septimber

griene kontener Ald papier Wilhelmina grize kontener griene kontener grize kontener Lêste ynleverdei kopij Doarpskrante

07:30-08:30

griene kontener

Dizze ynformaasje komt fan easterein.nl en út de mailtsjes dy’t wy krije. Ha jo ek wat foar de doarpsaginda? Mail it dan nei doarpskrante@easterein.nl

Beste mensen, Vorige herfst werd bij mij lymfklierkanker geconstateerd, na een periode van onderzoeken en 4 maand chemokuren ben ik nu kankervrij volgens de oncoloog, hier ben ik natuurlijk heel erg blij en dankbaar mee. Via dit bericht wil ik iedereen heel erg bedanken die mij en Bruinsje hebben gesteund door middel van heel veel kaarten, bloemen en telefoontjes tijdens deze periode. Nogmaals heel veel dank voor jullie belangstelling en meeleven. groetend, Rein en Bruinsje Hofstee


Fan it Bestjoer De Korona-tiid leit in grut part fan it fergader- en oerliscircuit stil. As earste sneuvele ús algemiene ledefergadering op 14 april. En ek ús bestjoersfergaderingen ha we oars ynfold. Mei tillefoan, whatsapp en e-mailferkear hâlde we elkoar op ‘e hichte en ûndernimme de needsakelike aksjes. Langer oan merke we ek dat der in protte saken op de lange baan skoot wurde. En dochs giet der net iens sa’n soad mis! Op 16 juny ha we foar it earst wer fergadere yn de grutte seal fan de Skoalleseize. It giet wer oan! Glêstried it belang fan in goede ynternetferbining is de ôfrûne tiid sichtber wurden. Thús wurkje, húswurk meitsje en digitaal prate mei sûnenssoarch en alle oare ynstânsjes hat no syn wearde bewezen. De oantreklikheid fan it plattelân krijt mear wurdearring, mar dan moatte de ynternetfersjennings op oarder wêze. Yntusken begjint it wurk fan de oanlis fan de glêstried yn ús gemeente. it bûtengebiet foarop. As doarp liket Easterein der bûten te fallen om’t der (noch) temin oanmeldings binne. Mar wij ha grien ljocht frege foar it ferlingjen fan de oanmelding. Wa’t noch oanheakje wol, moat ‘m gau melde. En dan kin it hooplik dochs trochgean. Algemiene Ledefergadering De fergadering is net trochgien. We kieze no foar in ‘digitale ynfolling’ om’t we wol oan de statuten en de regels fan de ANBi status foldwaan wolle. it jierferslach en it finansjele ferslach sette we op de webside Easterein.nl. it finansjele ferslach is goedkart troch de kaskommisje; Willem Rienstra en Abe Jan Stegenga. Foar fragen oer beide ferslagen kin jim ús altyd belje. Opknappen kade fan de Griene Leane Ein maaie woene we in twadde byienkomst mei oanwenjende organisearje, wêr’t de gemeente dan útlis jaan koe oer de oanpak en it plan. Dat rint opnij út, mar we dogge alle war om it sa gau mooglik troch gean te litten. Besite wethâlder Offringa Ein septimber komt wethâlder Offringa bij ús lâns foar de jierlikse wurkbesite. Ha jim wichtige saken dy’t oan de oarder komme moatte, dan hearre wy dat graach. Berend Santema, Annemieke Dinkla, Broer Harmen Abma, Baukje de Jong, Simon van der Velde, Sjoukje van der Eems en Catharina Veenstra


Iepeningswurd bij de DB fergadering: in gryp-praatsje Fan myself hie ik nea betocht om in fergadering te iepenjen mei in gryppraatsje. Mar it kin, sjoen de sitewaasje wêryn wij sitte, hast net oars. Yn 130 jier ha der 6 gryp pandemiën west. In minske kin der dus 3 á 4 meimeitsje. En sels sit ik al op de 4, hoewol’t ik mij de earste fan 1957 net bot heuge. En ik bin en bliuw fansels in leek, mar bin dochs efkes yn ‘t it ferline dûkt en rin alle seis pandemiën bij lâns: Russyske gryp: Yn 1889/1890 kaam de Russyske gryp. Nei skatting foelen der 1 miljoen deaden. Yn 4 moanne tiid ferspriede de sykte fan út St. Petersburg him oer de hiele wrâld, en berikte syn hichtepunt yn de VS fan Amearika. Ek al wie der gjin fleanferkear! Spaanske griep: De folgjende pandemy wie de Spaanske gryp (1918-1920). Dizze wrâldwide gryp easke nei skatting tusken de 20 oant 100 miljoen libbens. Folle mear dus dan dat der minsken omkommen binne yn de earste wrâldkriich. Aziatise gryp: Hast 40 jier letter yn 1957 sloech de Aziatise gryp ta (ek wol ‘A-gryp’ neamd). Dizze gryp waard linke oan in fûgelgryppandemy dy’t yn 1956 yn guizhou (Sina) rapporteare wie. Yn 1957 berikte it de provinsje Yunnan en fia Hong Kong en Singapore sloech it oer nei Yndia, de VS en Europa. De earste golf pykte yn de VS yn oktober. in twadde, deadeliker golf, kaam bij it begjin fan it nije jier 1958. Der binne minstens 1 miljoen minsken oan stoarn. Yn Dútslân ûngefear 30.000 minsken. Yn grut Brittannië 14000, wylst 9 miljoen fan de 51 miljoen minsken siik waarden. it firus wie selden fataal foar bern, en it meast deadlik foar froulju yn ferwachting en yn harren tredde trimester. Hongkonggryp: Alf jier letter sloech de Hongkonggryp (1968) ta. Ek bekend as Maogryp. De gryp bruts út yn Hong Kong en hat nei skatting 700.000 slachtoffers makke De útbraak in Hong Kong. Yn twa wiken tiid wie de maksimale yntinsiteit berikt. 15% fan de befolking rakke besmet. Fia ûnder oaren Vietnam kaam it firus nei Kalifornië troch de Vietnamoorlogstroepen dy’t nei hûs kamen. De kâns om te stjerren oan dizze gryp wie betreklik leech, sa’n 0,5 %. Meksikaanse gryp: Sa’n 40 jier letter, yn 2009, krigen we te meitsjen mei de Meksikaanse gryp. Dizze nije Ynfluenza A, earst ek bargegryp neamt, soarge foar in pandemy mei krapoan 14.000 deaden. Fan út Meksico wreide dizze gryp út nei Amearika en doe ek al gau nei oare lannen. Deagean oan allinne dizze



gryp wie seldsum. Meast ferrûn de ynfeksje myld en in protte minsken ha har dan ek net melden. Yn Nederlân binne der 60 minsken oan stoarn. Folle minder dus as bij de ‘normale’ seizoensgryp. Korona En no, 11 jier letter ha we Korona. Hjir hoech ik eins neat oer te sizzen. Al 3,5 moanne kinne we eltse dei fan moarns 7 oant jûns 11 ús hert ophelje oer Koronanijs. genôch om siik fan te wurden! En dat is no krekt it lêste wat we wolle. Dus oar praat; De fergadering is iepene... Berend Santema

Simmeraktiviteiten yn de biblioteek FabLab afhaalactiviteiten voor de jeugd Werken in het FabLab (Sneek) mag nog niet, maar met onderstaande leuke afhaalactiviteiten kun je toch aan de slag. gewoon lekker thuis, wel zo makkelijk. Reserveer snel een tasje via onze website www.bmf.nl want op = op! • Van woensdag 8 - woensdag 22 juli maak je een robothand. • Van woensdag 22 juli - woensdag 5 augustus maak je een droomvakantie in Virtual Reality. • En van woensdag 5 - woensdag 19 augustus maak je een LED kaart met een lichtgevend vuurvliegje. Openingstijden bibliotheek Wommels T/m de basisschool zomervakantie blijven onze openingstijden even zoals ze nu zijn. Maandag, woensdag en vrijdagmiddag van 14.00 - 18.00 uur. Verdere wijzigingen i.v.m Corona communiceren wij indien nodig via onze website www.bmf.nl en www.wommels.nl


Bergsma

Easterein

Restaurant-partycentrum Sibadawei 2, 8734 HE Easterein Telefoon: 0515 - 331290


Hûsruil Per 1 july 2020 wennet Tiny Hoekstra-Bootsma op de Foarbuorren 25, 8734 HD te Easterein

En wenje Christian Hoekstra & Judy Bergsma, Janne en Mink op Skippersbuorren 17, 8734 gT te Easterein

lding fan... Ut de húshâ it? Wa binne d


Hoe is it no mei…. Baukje Okkema Troch Bauke de Boer

Myn namme is Baukje Okkema. Al 22 jier wenje ik mei Auke Dijkstra yn Waaksens. It giet poerbêst mei ús. Ik bin de 4e út de rige fan 9 bern. Dochter fan Doede en Anna Okkema. Berne op de Andries Joustrastrjitte. No Vrijburg. Opgroeid oan de Wynserdyk wêr’t heit in leanbedriuw hie en boer wie. Dêr wie dus altyd wol wat te belibjen.

Skoaltiid Fan myn skoaltiid binne my in pear dingen by bleaun. De beukerskoalle wie wêr’t no de kapper is. Mar dêr koene wy net bûten boartsje. Dat diene wy by it sportfjild. Mei kroaden en skeppen gongen wy dêr hinne om yn de sânbak te boartsjen. De 'grutte' skoalle waard ferboud en sa krigen wy yn de earste klasse les yn de boppeseal fan de grifformearde tsjerke. Master De Haan hat mar efkes foar de klasse stien – ik mien dat it de tredde klasse wie – mar hat wol yndruk achter litten. De iene deis sloech er de oanwiisstok stikken op syn buro en de oare deis sprong hy sa achter op de kasten. Nei de legere skoalle mei hast de hiele klasse nei de MAVO yn Wommels. Tusken de middei nei hûs ta om te waarm iten. We hiene mar in goed oere skoft, dus dat wie altyd hurd, hurd.


Wilhelmina Fanôf myn 4e jier oant 16e jier ha ik op gimmestyk sitten. Mar ha sa faak myn inkels ferstûke hân dat ik dêrmei stoppe. Dêrnei ha ik noch oan judo en follybal dien. Mar foaral de muzyk fûn ik moai. By Wilhelmina les hân fan Wybenga. it earste skoft in ynstrumint diele mei myn buorfamke Wiepkje Santema. in nije bariton krije nei dat de buert wûn hie mei tsienkamp. De kearen dat wy nei in konkoers gongen. Blaze mei de feesten by optocht as matinee. Ek ha ik in pear jier les hân op 'e akkordeon. By de famylje Algra yn itens yn de wenkeamer wêr’t ik elke wike op 'e fyts hinne gong. Bern Nei myn trouwen mei Harry Joustra kamen wy te wenjen, hoe is it mooglik, oan de Andries Joustrastrjitte. Dêr binne Anneke en Jacob Sjirk berne. Nei goed fiif jier binne we ferhuze nei in hús oan de Hôfsleane. Dêr is Wiebren berne. Spitigernôch waard Harry siik en is yn 1992 stoarn. Yn 1994 troffen Auke en ik elkoar nei in oantal jierren en it 'klikte'. Wy ha in hûs bouwe litten yn Waaksens. Op in stikje lân dat fan de tsjerke fan Easterein wie. is dat tafal? Yn 1998 binne wij troud en is Joram berne. Hobbys Yn Waaksens ha ik myn akkordeon wer fan de fliering helle en spylje no by it shantykoar fan Lollum/Waaksens. En bin ik lid wurden fan it korps Asaf. Ek hjir spylje ik mei nocht op myn euphonium. Dêrneist sit ik yn de tsjerkerie en bin lid fan de kliïnterie fan Ny Stapert yn Wommels. Ek gean ik, as de tiden wer feroarje, mei kliïnten fan Talant Frittemahof ien kear yn de moanne te kofjedrinken. En sûnt foarich jier bin ik lid wurden fan de jeu de boules klup yn Easterein. De sirkel is rûn. Genietsje Wurkje foar in baas doch ik net mear. Bin yn Easterein by de RABO-bank begûn. Bij Sikke de Jong en letter Willem Twijnstra. Nei de fúzje mei Reahûs en letter Boalsert en Snits wie myn wurkplak yn Snits op de administraasje. 4 jier lyn waard de ôfdieling wêr’t ik wurke sluten. Nei 41 jier fûn ik it wol bêst. Auke hie krekt pensjoen en Joram waard dat jier 18. Dus meie wy no geniete fan alle dagen dy't ús jûn wurde. En dat dogge we......


D! NIEUW IN FRIESLAN

en? t willen leren bespel en m ru st in n ee g aa ment of zou je gr s! Speel jij al een instrukschool Friesland aan het juiste adre e les op het instrument dat je f de eerst Dan ben je bij Muzie ten en speelt vana

varen muzikan techniek. ssionele en zeer er lfs licht- en geluids ofe pr n va les jgt s, zang, bas of ze Je kri um dr r, aa git , rd no, keyboa graag wilt leren. Pia

! n i e r e t s a E n i s e l r Nuf moaiol GkerritgHiintgast avoor meer informesatlaien,d.nl

Bel o t@muziekschoolfri ri er g / 8 7 5 1 2 4 8 06 1

olfriesland.nl o h c s k ie z u .m w w w


Parseberjocht provinsje Fryslân

Hûs duorsumer meitsje ekstra oantreklik foar Friezen Huze-eigeners yn Fryslân krije in ekstra temjittekomming as sy harren wenning enerzjysuniger meitsje. De provinsje wol mei in ynvestearring fan 5,2 miljoen euro har ynwenners oanmoedigje om no foar bygelyks spoumuorre-isolaasje, flierisolaasje of heechrendemintglês te kiezen. Alle enerzjy dy’t dêrmei besparre wurdt beheint de feroaring fan it klimaat. Fryske bouen ynstallaasjebedriuwen profitearje dêr ek fan as sy it duorsum meitsjen fan de huzen útfiere meie. Huze-eigeners krije 10% ekstra subsydzje boppe-op de 30% dy’t it Ryk no beskikber jout mei de Subsidie energiebesparing eigen huis (SEEH). Dêrfoar moatte sy twa of mear isolaasjemaatregels útfiere litte en betelje. Minsken dy’t harren sparjild net ynsette wolle of kinne, kinne kieze foar in Energiebespaarlening. Fan 1 septimber 2020 ôf krije Fryske oanfregers fan ’e Energiebespaarlening Fryslân in koarting fan 0,5% op dy rinte. Ek Ferienings fan Eigeners, komme yn oanmerking foar de twa regelingen. Oanfreegje De Fryske oanfolling op ‘e lanlike subsydzje jildt mei weromwurkjende krêft sûnt 1 juny 2020. De Energiebespaarlening kin no al oanfrege wurde, mar is fan 1 septimber 2020 ôf ynklusyf rintekoarting. Oanfreegje subsydzje: https://www.rvo.nl/subsidie-en-financieringswijzer/seeh Oanfreegje enerzjybesparliening: https://www.energiebespaarlening.nl Aanvragen Energiebespaarlening Fryslân (fan 1 sept ôf): https://www.energiebespaarlening.nl/fryslan


Interview met Grietje Lijklema van ’t Kniplokaeltsje Door Paul David Meesters

“Ik kreeg vleugels toen we weer los mochten” Zeven volle weken lang konden de klanten van Grietje Lijklema niet bij haar terecht. Dat ging haar aan het hart, want klanten komen bij Grietje altijd op de eerste plaats. Door de coronamaatregelen moesten eind maart alle kapsalons sluiten en dat gold ook onverbiddelijk voor ‘t Kniplokaeltsje. Die maatregel hing al een tijdje in de lucht, maar toen het definitieve bericht kwam kreeg grietje wel even een brok in de keel. Met haar man Hisse reed ze vanuit hun woonplaats Wommels naar Easterein om de agenda op te halen. Alle afspraken moesten worden afgezegd. Klanten reageerden daar overigens vol begrip op. Gaasterlânsk hert grietje woont dan al meer dan haar halve leven in Wommels, maar haar geboortegrond ligt in gaasterland. Ze groeide met veel vrijheid op op de boerderij van haar ouders in Nijemirdum. Ze komt nog regelmatig in de streek en kan dan vooral genieten van de bomen en het water van het iJsselmeer. Op haar 24e verhuisde ze met Hisse naar Wommels, waar Hisse op het gemeentehuis werkte. Hun twee kinderen, Debby (nu 25 jaar) en Max (23), werden er geboren. Het toeval wilde dat Talitha Dijkstra naast hen kwam te wonen aan ’t Bosk. Talitha was inmiddels eigenares van ‘t Kniplokaeltsje. grietje werkte toen bij kapsalon Boschma in Wommels, maar besloot de overstap naar Easterein te maken. En toen Talitha zes jaar geleden besloot te stoppen nam grietje de zaak over. Trouwe skare klanten grietje heeft een ruime schare vaste klanten. Natuurlijk veel Eastereiners, maar ook aardig wat mensen uit Wommels. En een aantal klanten blijven zelfs komen als ze verder weg gaan wonen. Op haar beurt is grietje haar klanten ook trouw wanneer ze niet meer naar de kapsalon kunnen komen. “Heeft iemand de heup stuk, dan ga ik gewoon bij diegene thuis langs”. Alle leeftijden zijn welkom bij grietje: van peuters tot negentigjarigen. De mannelijke en vrouwelijke klandizie houden elkaar aardig in evenwicht. grietje merkt trouwens dat “de import” in Easterein beetje bij beetje toeneemt. Ze heeft aardig wat Hollanders onder haar klanten.


Frisse look! Tijdens de corona stop heeft grietje niet stil gezeten. ‘t Kniplokaeltsje kreeg een grote schoonmaak- en verfbeurt. De salon ziet er dan ook stralend uit. En de plek achter de bomen in het oude schoolgebouw aan het Skilplein blijft natuurlijk prachtig. Op 11 mei gingen de deuren van ‘t Kniplokaeltsje weer open, natuurlijk met de voorgeschreven voorzorgsmaatregelen: maar één klant tegelijk in de zaak, schoonmaakmiddelen bij de hand en bij klanten die dat op prijs stellen draagt grietje een mondkapje. Het was meteen volle bak!

Ik kreeg vleugels toen we weer los mochten De eerste paar weken werkte grietje alle dagen uitgezonderd de zondag. Maar energie had ze genoeg: “ik kreeg vleugels toen we weer los mochten“. Klanten waren blij haar weer te zien, ze kreeg soms zelfs een bloemetje. Zo loopt Easterein er nu weer netjes gekapt bij. inmiddels werkt grietje weer op haar vaste vier dagen: dinsdag, woensdag, vrijdag en zaterdag. Maar wel slim om van tevoren even een afspraak te maken… 0515-332320.


Alle Eastereiners op de foto Troch Willy Sybesma

De Streek Mohammed, Hans en Saskia, Jan en geeske, Karin en iris, gerrit en ilonca, Jimmy en Alicia, Robin, Halbe en Tineke, Marja, Laas en Sandra, Simeon, Hannah, Lisa, Susanna, Ruben en hond Friso, Syb en Wimke, Brent en Lotte


Opfrysker

Troch Amarins de Haan Tiidwurden Gean kin sûnder te allinnich kombinearre wurde mei sitte, stean, lizze, hingje en bewurket dan de doelfoarm • Sy giet lizzen / stean / hingjen / sitten Yn alle oare gefallen moat de ynfinityf (it hiele tiidwurd) foarôfgien wurde troch te: • Sy giet te boadskipjen / te reedriden • Sy is te boadskipjen / te reedriden gien. • it begjint te reinen (dus net: it giet reinen). Foar bliuwe jildt itselde, mar dêr komme ek noch de wurden wenje en stykje by: • Sy bliuwt lizzen / stean / hingjen / sitten / stykjen / wenjen Yn alle oare gefallen moat by bliuwe ek te oan de ynfinityf foarôfgean, of moat, om it aspekt fan ‘trochgean’ oan te jaan, in omskriuwing brûkt wurde: • Sy bliuwt hjir te útfanhûzjen • Ús mem breidet mar troch / hâldt net op fan breidzjen • it reint mar troch


Yn en om Easterein (Brêgen en brechjes) troch Jan Hiemstra

De majestueuze entree yn Easterein fan Wommels ôf mei flapbrêge, kafee, toer en tilbury op de eftergrûn.

Wetter by de rûs Wetter yn en om Easterein is en wie der by de rûs. it wetter waard brûkt foar it transport fan minske, bist en guod, en as ôffier fan rein- en smoarchwetter (= rioolwater). Moasten skippers fan de Skippersbuorren nei de Sebeare dan kamen se troch trije flapbrêgen en moasten ûnder ien Heechhout (de Streek) lâns.

De opfeart hat noch in fertakking foar de hokken lâns en rjochting sportfjid. Fan ‘t Heechhiem nei Skippersbuorren lei der in ‘batte’ (in soart brechje). Bakker Dantuma oan it Skilplein krige syn moal oer it wetter.


Foar de beropsskippers wie it in hiel karwei om troch it doarp te kommen. Doe ’t it ferfier oer lân belangriker waard naam de fraach nei skipsromte ôf. De brêgen wiene makke om maklik iepen en ticht te kinnen en net om de hieltyd gruttere frachtauto ’s passearje te litten. Dêr moast wat oan dien wurde. De trije brêgen foar it trochgeande ferkear waarden ferfongen troch wapene beton en stien. Dêrmei wie de tagong ta it doarp wol praktysker, mar minder moai. Easterein rekke de status fan it Venetië fan Hinnaarderadiel kwyt. Fearten Lâns tal fan huzen en strjitten lei in feart. Nei de bewenners moasten je oer in brechje.

De feart foar de opfang fan rein- en smoarchwetter. Guon brechjes binne al ferfongen troch in daam.

Der wie allinne mar op de pastorij te kommen oer it brechje, dat letter ferfongen is troch in betonnen ien.

Dy feartsjes tsjinnen as rioelearring mar dan sûnder in parslieding nei de wettersuvering! it wetter moast fuortkomme kinne. En foar it smoarch wetter wie der mar ien olpossing: smyt it mar yn de feart, it wurdt wol wei. gelokkich sieten der doe minder skealike stoffen yn. Der wiene boppedat noch gjin wc’s (wetterhúskes). Wat der fan ús iten en drinken oerbleau gong kreas yn tontsjes nei de dwinger (= vuilnisbelt).



Nijs fan de Prot. Gem. Easterein Sa’t jim witte binne der in skoft gjin tsjerketsjinsten west yn de Martinitsjerke fan Easterein. Wol binne der onlinetsjinsten útstjoerd. Dizze tsjinsten wienen foar in grut part yn gearwurking mei buorgemeenten. In protte ekstra minsken hawwe sadwaande de tsjinsten folge. Sa’t wy fernamen ek minsken dy’t oars net folle yn tsjerke mear komme. De kommende tiid sil ús tsjerke wer op eigen krêft tsjinsten bringe. Earst noch in pear kear ‘online’. Dizze tsjinsten binne te finen op: kerkeasterein.nl en fan 23 augustus ôf wer sneinstsjinsten yn tsjerke. Hjirûnder foar jim op rige de data en foarm fan de kommende tsjinsten: DATUM

VOORGANGER

Toelichting

28 JUNi, v.a. 9.30 uur of later

Pastor S. Aardema

Via https://kerkeasterein.nl of de kerkomroep

19 JULi v.a. 9.30 uur of later

Pastor M. de Jager

Via https://kerkeasterein.nl of de kerkomroep

2 AUgUSTUS

Ds. D. Wijmenga

Freuletsjinst in openlucht in Wommels, info volgt

16 AUgUSTUS

Pastor H. Plantinga

Via https://kerkeasterein.nl of de kerkomroep

23 AUgUSTUS, 9.30 u.

Ds. Wessels

De eerste dienst in de kerk

30 AUgUSTUS, 9.30 u.

Pastor M. de Jager

De tweede dienst in de kerk

geartsje van der Meer, Tsjerklik wurker, Mei út namme fan de Tsjerkeried


Mei goede moed, de takomst temjitte.... Troch Marijke de Boer

#Bysûnder slagge!! Dat is wêr de eksamen kandidaten fan de middelbere skoalle dit jier de boeken mei yn geane. Lokkich wie d’r 4 juni in ‘Nasjonale slagge dei’, wertroch dêr dochs in offisjeel momint wie harren te feliciteren. Want ek al wiene dêr dit jier gjin sintrale eineksamens. Elkenien die’t dit jier ûnder dizze bysûndere omstannichheden slagge is, mei ek no hiel trots wêse op harren prestaasje. Ek foar in pear Eastereiners wie 4 juny in feestelike dei, sy mochten harren flagge mei tas úthingje. in oantal fragen dy’t yn my op komme by it sjen fan dizze flaggen, is hoe se de ôfrune periode belibbe ha? Hoe ha se eksamen dwaan moatten? Wêr bale se it measte fan, wat no net troch koe gean? Hoe krije se harren diploma útrikt en wat binne de plannen foar dizze simmer en de takomst? Foar antwurden, bliikt sosjaale media ek no in útkomst te wêsen. Neidat ik de fragen oan se stelt ha, krige ik in pear dagen letter, sa at jimme hjirûnder lêse kinne, hiele moaie ferhalen tastjoerd. Hedwich Kooistra (16 jier) Wennet op ’e: Hofsleane Hobby’s: saxofoan spylje, fotografy en follybal. Skoalle: Marne College, te Boalsert. Is dit jier slagge foar: VMBO gT Ferfolg oplieding: HAVO, Marne College, te Boalsert Takomst plannen: letter wol ik graach nei it HBO en dernei wol ik graach nei de politie. Op de middelbere skoalle fûn ik it leuk dat ik mear minsken kinnen leard ha, de stage’s, mei skoalle nei Parijs en nei de ski hal. ik fûn sommige fakken en dosinten minder leuk. it belangrykste wat ik leart ha is hoe ‘t je dingen moatte planne en organisearje. De mominten fan it skieën en parijs sil ik nea wer ferjitte.it ûnderwiis tidens de corona wie foar my net folle oars. We hoegden net mear yn de lessen te kommen at we alles klear hiene en at we gjin fragen mear hiene. Yn’e lêtste wike foar de corona hiene we alle lessen al ofslúten. We hoegden ús allinich mar ta te rieden op’e oefeneksamens en de eksamens sels. Fragen koene wy online stelle. De oefenexamens wiene úteinliks de lêtste toetsen die we dwaan moasten en die bepaalden of we slagge wiene of net. ik hie wol fer-


wachte dat ik dit jier slagje soe, omdat ik der goed foar stûn. Op 4 juni belle myn mentor my op om te fertellen dat ik slagge wie en sei dat hij net oars ferwachte hie. De hiele dei kwamen der minsken langs om my te feliciteren. De dei dernei ha we mei in pear út my klasse bij een freondin sitten om te fieren dat wy slagge wiene. Op 29 juni krij ik mei myn mentor klas en noch in oare mentor klas myn diploma útrikt. ik fyn it erch jammer dat we no net in examenstunt ha koenen en dat we nei de examens net fuort koene mei freondinnen. Tiidens de simmer gean ik leuke dingen mei freonen dwaan en wurkjen. Janneke Overal (16 jier) Wennet op ’e: Foarbuorren Hobby’s: follybal Skoalle: Marne College, te Boalsert. Is dit jier slagge foar: VMBO BK Ferfolg oplieding: Pedagogisch medewerker Takomst plannen: miskien wol ik letter noch nei de PABO, mar it is mar krekt hoe it rint. Myn middelbere skoalle tiid wie best ferskillend. ik hie in minne start, mar lokkich is dat allegeare goed kaam. Myn freondinnen makke skoalle natuurlijk it leukst. De lol en it folle praten mei elkoar. Wy hiene ek altiid hiel folle wille mei de konsjerzje, sjonge mei de musyk die yn de kantine op is en altiid snoepkes ite. Dat binne echt de dingen die ik missen gean. Mei de corona wie it earst noch ûnskuldig. Fan de iene op de oare deis sieten wy thús online lessen te folgjen. Dat wie wol hiel raar. Lokkich ha wy mar in lyts skofke online lessen hân, omdat it best chaotysk wie en dan kinne je net alles meitsje. it wie ôfwachtsje oft de eksamens wol troch gean soene. Wy hiene op skoalle noch wol in toetswike, wêr foar wy nei skoalle ta moasten. it wie hiel leuk dat ik myn freonen doe wer seach. Fierder ha wy hielendal gjin eksamens hân. Dat wy elkoar fierder allinich noch mar sjuche by de diplomering is wol in hiele rare ôfslúting sa. it wie foar my ek al best wol lang dúdelik dat ik slagje soe. ik die altiid goed myn best op skoalle en helle goede sifers. it soe dus wol gek wêse dat ik troch de examens net slagje soe, mar ja je witte it nooit, want it binne momint opnames. Myn mentor belle my op, om te sizzen dat ik slagge wie. Hiel gek, want dat is dan it offisjele berjocht. Der kaam wat famylje by ús iten en ha efkes wat freonen sjoent. ik ha it net sa grut fiert. 25 juni ha ik myn diploma úrtiking. Dat ha we yn trije ferskillende groepen, dus de ferskillende rjochtingen by elkoar. Sûnder âlders helaas. Die meie it folgje fia in livestream. Fierder is it wol hiel stom út elkoar gean, want in grut feest kinne we net ha helaas. ik ha ek al best lang fa-


kânsje. Lokkich fermeitsje ik my wol wat. Troch de wike bin ik by de jumbo oan’t wurk en wykeins by Bergsma. At ik dat net doch geniet ik fan it moaie waar mei myn freonen. Corrie Kroondijk (17 jier) Wennet op ’e: Koaifinne Hobby’s: Sporten en afspreken met vrienden en vriendinnen. Skoalle: Marne College, te Boalsert. Is dit jier slagge foar: HAVO Ferfolg oplieding: Fysiotherapie, te groningen Takomst plannen: Later wil ik mij nog specialiseren, waarvoor ik nog 2 opleidingen moet volgen in groningen. Voor de toekomst hoop ik dat ik veel beter ben geworden in het muurkaatsen en dat ik veel naar het buitenland mag reizen voor toernooien. ik vond de afgelopen 5 jaar heel leuk, gezellig en leerzaam. in deze tijd heb ik veel nieuwe vrienden gemaakt en leuke dingen mee beleeft. in de weekenden op stap met zijn allen en op school allemaal gekkigheid uithalen met de conciërge. Wat ik het meest ik de afgelopen 5 jaar heb geleerd is dat je niet altijd je mond moet open trekken, want daar krijg je iets voor terug zoals een bak water over je heen van je vriendinnen en conciërge. Maar vooral moet je jezelf zijn! De bak water over je heen krijgen en de voedsel gevechten in de kantine zal ik nooit weer vergeten van mijn Marne jaren. ik heb zelf maar 2 dagen corona les gehad, want ik zat midden in mijn toetsweek. Verder volgenden we gewoon ons normale rooster, zoals we het anders ook hadden maar dan online via het programma Teams. Hierin konden we skypen met onze hele klas en de leraren. Het enige verschil was je moest je nu we goed voorbereiden en alles doornemen want we gebruikten het uur alleen voor vragen te beantwoorden. ik hoefde natuurlijk dit jaar geen examen te doen, maar de laatste toets week was voor ons wel veel zwaarder, omdat je deze wel heel goed moest maken. Op de dagen dat ik les had vond ik het wel lekker dat ik niet vroeg van bed hoefde, maar ik vond het wel fijn dat wij onze toetsen gewoon op school moesten maken want zo kon je al je vriendinnen wel even zien. Het minder leuke aan deze corona tijd vind ik dat ik sinds mijn toetsweek klaar is heel veel vriendinnen niet meer heb gezien. En opstap kun je ook niet want alles gaat niet door of mag je niet in. ik had wel verwacht dat ik was geslaagd, want ik stond er goed voor. ik heb op 4 juni te


horen gekregen dat ik ben geslaagd via een telefoontje van mijn mentor. ik heb dit die dag even klein gevierd met ons gezin en wat vrienden en vriendinnen. Maar we gaan het als vriendinnen groep natuurlijk nog eens goed vieren als dat kan. ik heb mijn diploma-uitreiking op 1 juli. Dit hebben we met alle HAVO leerlingen die zijn geslaagd, helaas mogen wij geen andere mensen meenemen waaronder ook geen ouders of broers en zussen. Het meeste waar ik van baal is dat door deze corona tijd onze examenstunt niet door kon gaan en onze examenreis wat ze samen met onze vriendinnen zouden doen. Maar dit gaan we allemaal volgend jaar inhalen. Voor deze zomer heb ik nog niet veel plannen staan want het kaatsen gaat ook niet door en alle muurkaats wedstrijden in het buitenland zijn ook afgelast. Maar natuurlijk zal ik veel met vriendinnen doen want daar heb ik nu tijd voor die ik normaal door het kaatsen niet heb. Emma Stegenga (17 jier) Wennet op ’e: Fabrykswei Hobby’s: Volleybal, muziekluisteren en Netflixen. Skoalle: Marne College, te Boalsert. is dit jier slagge foar: VWO Ferfolg oplieding: biomedische wetenschappen, te Leiden in het algemeen vond ik de middelbare school best een leuke tijd. De eerste drie jaar van het VWO heb ik tweetalig gedaan, dat betekent dat mijn lessen vrijwel allemaal in het Engels waren. Dit vond ik persoonlijk ontzettend leuk en de vrienden die ik toen heb gemaakt zijn nu nog steeds mijn beste vrienden. Op het tweetalig onderwijs (TTO) hebben we ontzettend leuke excursies gedaan naar London en Dublin. Afhankelijk van het weer, vond ik het fietsen naar Bolsward en terug de ene dag wat leuker dan de andere ;-). De vakken die mij het meest interessen zijn biologie en scheikunde en het allerleukste onderwerp van de afgelopen jaren is voor mij echt wel moleculaire genetica. De lessen bij biologie vond ik daardoor echt super leuk, maar ook wel moeilijk! Verder heb ik ook in de feestcommissie van school gezeten. Hierdoor heb ik ook twee kerstgala’s georganiseerd. Dit was echt super leuk om te doen en het was altijd heel fijn als die avond goed verliep en als iedereen het naar zijn zin had! Die avonden zal ik nooit weer vergeten! Rutte kondigde de zondag voor mijn laatste toetsweek aan dat we vanaf dat moment niet meer naar school hoefden. Hierdoor heb ik mijn toetsen later moeten


maken. Dit betekende verder dat de examens die normaal in mei plaatsvinden dit jaar niet doorgingen. Hierdoor telden de toetsen van de bovenbouw (de schoolexamens) voor 100%, in plaats van 50%. Zodra ik de laatste toets van de toetsweek had gemaakt, waren mijn examens dus ook klaar. Deze toetsen werden afgenomen in de gymzaal, in examenopstelling. Dit zorgde alsnog voor een examengevoel. De tafeltjes stonden allemaal op anderhalve meter afstand en we moesten afstand tot elkaar houden. Verder moesten we onze handen desinfecteren, maar dat voelde ondertussen al als het ‘nieuwe normaal’. Het was een relaxte toetsweek, want ik kon op elke toets een 1,0 halen en alsnog slagen. ik had dus wel verwacht dat ik zou slagen, maar het was echter ook mogelijk dat ik cum laude zou slagen. De laatste toetsweek moest ik dan wel goed maken. Dat is me gelukkig gelukt, dus ik ben cum laude geslaagd. Op 4 juni werd ik gefacetimed door mijn mentor, die mij het verlossende woord gaf! Dit heb ik toen die dag gevierd met mijn ouders en zusje en diezelfde dag kwamen er ook ooms, tantes, neefjes en nichtjes op bezoek! Verder zijn pake en oma oom nog geweest om een gebakje te komen eten. De diploma-uitreiking moet nog plaatsvinden, maar dit zal niet een gewone uitreiking zijn. Het Marne college heeft besloten om alleen de geslaagden uit te nodigen en de ouders en andere geïnteresseerden kunnen de uitreiking volgen via een livestream. Dit vind ik ontzettend jammer. Het is natuurlijk heel raar om zo de middelbare school af te sluiten, vooral omdat ik het niet bewust heb afgesloten. Mijn laatste les was achteraf gezien een scheikunde les op vrijdag 13 maart. Als ik dit van te voren had geweten, was ik toch wel anders naar huis geweest. Daarnaast baal ik enorm dat ik niet met heit jaar iJsland op exameneis kon gaan, maar die reis gaan we (ooit) nog eens inhalen! Het voordeel van deze crisis is dat ik al sinds april vakantie heb. Eerst heb ik vooral veel geslapen en weinig uitgevoerd, maar daar was ik op een gegeven moment ook wel klaar mee. ik werk bij Drukkerij van der Eems, maar ik wilde er graag nog een baantje bij, omdat ik na de vakantie ga studeren. Vanaf juni zit ook achter de kassa bij de Jumbo in Wommels! Deze vakantie ga ik dus vooral werken en mijn kamer inrichten!


Rutger Sijbesma (15 jier) Wennet op ’e: Hôfsleane Hobby’s: werken op de boerderij, vissen en eizoeken. Skoalle: Nordwin, te Sneek. Is dit jier slagge foar: VMBO gT Ferfolch oplieding: Melkveehouderij. Op het Nordwin College te Leeuwarden Takomst plannen: Later wil ik graag in de melkveehouderij sector aan het werk. ik heb het de afgelopen 4 jaar daar erg leuk gehad, omdat ik daar veel goeie vrienden heb gemaakt. Wat ik minder leuk vond dat waren de lange dagen die we hadden. Zo had ik minder tijd om te werken of te vissen. Het leukste wat ik daar heb geleerd was tijdens de lessen vehouderij daar hadden we ook praktijk bij en gingen we bijvoorbeeld leren hoe je een goede en gezonde koe kunt herkennen. Het minst leuk vond ik de lessen Wiskunde. Toen je niet meer naar school mocht heb ik niet heel veel thuis gedaan aan school. Omdat ik toen net begonnen was met het leren voor de examens. in de Corona tijd heb ik nog 1 x een toets week gehad. En toen kreeg ik het prachtige nieuws van school dat je op basis van je gemiddelde cijfers bepaald werd of je over ging op niet. En toen kreeg ik op 4 Juni het officiële bericht als ik geslaagd was of niet. Als er die dag leraren bij mij langs zouden komen dan was ik geslaagd, en die leraren die kwamen ook. Met een versierde Auto en toeterend kwamen ze oprit op gereden. ik had wel verwacht dat ik geslaagd zou zijn. Omdat ik zelf al kon controleren hoe ik er voor stond en dat zag er wel goed uit. ik vind het wel jammer dat het Examen feest niet door gaat en het klassen uitje gaat ook niet door.



Oerlêst fan farende jeugd Wat meie wy dochs prachtich wenje yn Easterein. Rûnom wetter en wat is der dan moaier om op in waarme simmerdei as jûn efkes in rûntsje te faren? Neat blykber. En dat fynt de jeugd ek. Mei harren boatsjes mei te folle PK’s skeare se troch it doarp en planearjend troch de greiden. Dat yn it doarp de boaten fan oaren tsjin de kaden slaan is blykber gjin probleem. En ek te hurd fare troch de greiden mei oerlêst foar fiskers, oare rekreanten, natuer as briedende bisten docht harren neat. Dat dit foar oaren ien grutte ergernis is, stean hja net by stil. Hâld rekken mei in oar Dus jeugd, hâld asjebleaft ek rekken mei in oar. Yn Fryslân binne spesjale hurdfaargebieten. Mar rûnom Easterein is dat net it gefal. Dan moast dochs echt earne oars nei ta. Hâld rekken mei in oar, dan hat elkenien wille op it wetter!! Hoe âld meist wêze om in boatsje te bestjoeren? Foar it bestjoeren fan in iepen motorboat moast minimaal 12 jier wêze. Oan it bestjoeren fan in syl- as roeiboat sit gjin minimale leeftiid. Bist noch ûnder de 16 jier? Dan mei dyn boat net hurder as 13 kilometer fare. Dit betsjut maksimaal 2,5pk. De boat mei net langer as 7 meter lang wêze. Bist 16 jier en noch net âlder as 18? Dan mei de boat maksimaal 20 km yn it oere fare. (bron: www.vaarbewijzen.nl) De boetes lige der net om. Wurdst snapt, dan bist al gau in pear hûndert euro lichter. En dan noch efkes dit... Springen fan brêgen is net sûnder gefaar. Op it stuit is hjir oer in kampanje fan de oerheid. Hjir wurdt op it stuit ek ekstra op kontrolearre.

Ut de húshâlding fan... Oplossing Dizze kear in foto út de húshâlding fan de famylje Joustra. Wytske en Nynke



Ut de âlde doaze

Troch Bauke de Boer Dizze foto's ha ik makke mei de doarpsfernijing 1982-1984. Doe is de kademuorre fernijd fan ôf de brêge by de fam. Bouma oant it einehúske ta. Yn it krante knipsel fan April 2020 is te lêzen dat de kademuorre fernijd wurdt yn de hjerst.

Juny 1983


Bonga

Troch Karin Everhardus Een half uur gaans ten zuidoosten van Easterein, daar was ooit een “edelmanshuis”. Gesitueerd niet ver boven de Sânleanstersyl, een betonbrug aan de westrand van Reahus. Door de eeuwen heen waren er verschillende benamingen in omloop voor dit huis, zoals Sathe Bonga, Bongahuys, Bonga-state, en ook wel Slot Bonga. Vroegste vermelding De vroegste vermelding van de Friese geslachtsnaam Bonga gaat ver terug in de tijd, tot ca. 1000 zelfs. De eerst bekende persoon met deze adellijke naam in Easterein ofwel Oosterend stamt uit 1307. Jetscke Bonga was “zeker geboortig van de Sathe Bonga, niet ver van Rispens gelegen”, circa 1374. Zij huwde met Ocke thoe Rispens, hij was van het oude en van oorsprong Oosterendse geslacht Rispens. Op het Bongahuis te Oosterend woonde in 1402 ene Ryoerdt Bonga. Zijn naam en woongegevens werden vermeld in een oorkonde uit datzelfde jaar, ter bezegeling van een overeenkomst. Wisselende gebruikers in de eeuwen die verstreken, wisselde “het goed” nogal eens van eigenaar en gebruiker. Zo behoorde de sate in 1537 toe aan ene Matheus Bongahuis. Zijn achternaam zou ontleend kunnen zijn aan de naam van zijn eigendom. in de veertiger jaren van de 16e eeuw was een pachtboer de huurder van de sate. De ommekeer kwam toen de Bonga sate in 1551 in handen kwam van Hessel Johan van Roorda, hij kwam uit een voornaam geslacht. De oorspronkelijke sate werd afgebroken en vervolgens werd op dezelfde plek de “Bonga-state” gebouwd. Dit was een landhuis van aanzien en daarbij ook nog het grootste huis van Oosterend. De ligging was idyllisch met een gracht er om heen. Een brug hierover leidde naar de poort, die toegang bood tot het woongedeelte. Er waren meerdere trapgevels, drie (sier)torentjes, een poortgebouw en blauwe leien dakpannen. De state werd beschouwd en stond bekend als één van de mooiste states van heel Friesland. Hessel Johan van Roorda en zijn echtgenote waren overtuigd katholiek. Hij voelde zich betrokken bij de Martinikerk, de restauratie ervan en hij werd kerkvoogd. Op eigen kosten liet hij de Bongabank en een grote grafkelder bouwen. Na hun overlijden bleef de state in handen van verwanten.


Godsdienst-omwenteling Toen kwam in 1580 de godsdienst-omwenteling, de katholieken konden niet anders dan ondergronds gaan, uitwijken naar een andere plek. Volgens de overlevering zou de eerste ‘illegale’ pastoor - Heer Jacob - zijn intrek hebben genomen in het poortgebouw van de Bongastate. Andere bronnen vermelden echter dat hij op een boerderij ten zuiden van de Sânleanstersyl, zijn onderkomen had. in december 1639 zou hij, terwijl hij in de voorkamer zijn preek hield, plots stilvallen en vervolgens zou hij - dood - ineengezakt zijn. Zeventig jaar was hij geworden. Deze boerderij was de eerste plek voor de schuilkerk, hier werd tot ca. 1671 de kerkdienst gehouden. Daarna werd de Bonga-state de tweede schuilplaats. Naast de ruimte die het bood voor de illegale kerkdiensten had de pastoor er zijn intrek. Of zijn verblijf in het ‘kleine’ poortgebouw of in het ‘grote’ woonhuis was, blijve onduidelijk. Blauwe Huys in 1708 werd de huur van de state opgezegd aan de parochie, deze diende weer uit te kijken naar een andere schuilplaats voor de kerk. Vanuit het Blauwe Huys - zo werd de Bongastate ook wel genoemd vanwege de blauwe dakbedekking verhuisde de parochie naar een gebouw, dat een rood dak kreeg. Een rode



kleur, als verwijzing voor de gelovigen dat de diensten niet meer plaatsvonden in het huis met het blauwe dak. Hiermee kan de Bongastate beschouwd worden als de bakermat van Reahus. Bij het ‘Rode Huis’ vormde zich een buurtje wat uitgroeide tot de nieuwe parochie)plaats. Toeval of niet, ca. 1530 werd ene pastoor Agge Occonis à Rispens die hoogstwaarschijnlijk een achterkleinzoon van Jetscke Bonga was - begraven onder een blauwe grafzerk in de Oosterender kerk! in 1765 werd de state verkocht “met singels en hôven”, vervolgens in 1766 afgebroken vanwege de oude, vervallen staat. Alle bomen die op de “naar gissinge” 4 pondemaat grond stonden, werden bij opbod verkocht. Daarna werd de terp waarop het huis stond afgegraven. Heden ten dage is hier een uitgestrekt weiland gelegen. Blijvende verbintenis Ook al is de state gesloopt, de verbintenis van de bewoners van de Bongastate met de Martinikerk is blijvend. Hier staat nog steeds de Bongabank, tegen de noordmuur met boven zich het beroemde oksaal. Onder de kerkvloer bevind zich voorgoed de grote grafkelder, waar waarschijnlijk ook Bonga-bewoners ten grave zijn gedragen. Tussen Easterein/Meilahuizen en Reahus in ligt nog steeds het oude kerkenpad dat vernoemd is naar de afgebroken state, het Bongapaed. Rechts van de Sânleanstersyl - gesitueerd vlak onder de Bonga-state ligt het huidige Reahus. Ten zuiden van deze syl (zijl of keersluis) lag de eerste schuilkerk van de katholiek gelovigen. Het land van deze boerderij werd aan drie kanten omarmd door de zuidelijk gelegen plattelandsgemeente Wymbritseradiel - waar illegale kerkgangers niet vervolgd werden. Als ontdekking dreigde, was het een kwestie van éven een grensslootje overspringen!


Fizel

D R O G I ST E R I J - PA R F U M E R I E

TERP 52, 8731 BA WOMMELS TELEFOON 0515 333 210


Ik kin dit heus wol

Troch Nathalie Oliveiro Dit is wier it bêste gefoel, einlik foar de wyn! We fytse lâns de Boalserterfeart werom nei hús. “Wachtsje op my”, hear ik mysels roppe. Der stiet hjoed rom 70 kilometer op de teller mar myn freon is net te stoppen. Keunstich, mar fierstente snel, manûvrearet hy om in tsjinlizzer hinne, dat gong krekt goed! Wat in skrik! Doe’t we twa moannen lyn foar it earst tegearre in rûntsje diene op de hurdfyts klonk 50 kilometer myn freon ûnwerklik yn ‘e earen. Sa’n ôfstân wie amper te dwaan, hy komt út in miljoenenstêd dêr’t alles mei de auto as motor dien wurdt. No hat er der sa’n wille yn en faaks genôch riden, dat hy begjint der goed yn te wurden. itselde prinsipe jildt foar ús as maatskippij. Hoe langer en better wy oefenje yn it mei inoar Nederlân wêze, hoe better at it giet. As, ha ik my hjiryn fersinne en wurket dat by soks dochs oars? Oer rasisme prate kinne en yndie heard wurde is tige wichtich. De skiednis kinne we en meie we net ûntkenne noch ferjitte. Mar, as dat útrint op it bekladden en fernielen fan stanbylden dan begryp ik der neat mear fan. Wiene we no yn petear om herstel en erkenning te bringen as mear ferwidering te kreëarjen? it liket as fertoane wy as maatskippij symptomen fan lykwichtsstoornis en it is de keunst om eltse kear op tiid wer ús balâns te finen. in drege, somtiden skynber ûnmooglike opjefte, en de ferantwurdlikheid is by in elk fan ús. Hy sjocht efkes werom nei my en laket: “ik kin dit heus wol”, en hy demonstrearret noch efkes hoe fluch er troch de bochten ride kin. “Do wol, mar yn Fryslân binne we dat net sa wend”. ik laitsje en fyts him hurd efternei, einlik ha ik de wyn yn ‘e rêch…


Myn reis nei Singapoer Troch Jildou Couperus

Foar myn stúdzje ‘International Business’ oan de RUG, bin ik yn jannewaris mei acht stúdzjegenoaten nei Singapoer gongen om der in heal jier te studearjen. Dit rûn spitigernôch wat oars as ferwachte want troch de koroanakrisis bleaun der fan de plande 5 moannen noch mar 2,5e moanne oer. Dochs ha ik in soad dingen sjen kinnen, leuke dingen dien, en freondinnen makke foar it libben. Nettsjinsteande it rare einde, wie it in ûnderfining om nea te ferjitten. Lang om let is it sa fier! 8 Jannewaris 2020: nei moannen fan tarieden is it dan sa fier, op nei de oare kant fan de wrâld! Nei 16 oeren fleanen en in koarte tuskenstop yn Parys komme we oan op it moaiste fleanfjild fan de wrâld. it docht syn namme seker ear oan, ‘Changi Airport’ is prachtich mei as sintraal punt de ‘Jewel’, in grutte wetterfal mei allegear blommen en planten. De earste dei bestiet foaral út it ferkennen fan de universiteit mei de kampus, dit is krekt sa grut as hiel Easterein. De universiteit hat mear as 30 restaurants, 2 supermerken, 20 sportsealen en in eigen swimbad. Nei 10 wiken ferdwaalde ik hjir noch regelmjittich. Der binne mear as 35 tûzen studinten fan oer de hiele wrâld. ik dielde myn keamer mei in Amerikaanske studinte, it wie erch krap mar gelokkich koene we it tegearre goed fine. in soad tiid om te wennen wie der net, de twadde dei begongen myn lessen gelyk. Al de lessen wiene yn it ingelsk en derneist folge ik ek noch Sineesk. gelyk de earste les hie ik wol yn de gaten dat de studinten dêr erch op prestaasje rjochte binne. Yn de 4 oeren duorjende les, dogge se neat oars as oantekens meitsje en fragen stelle, dat wurdt oanpoaten. gelokkich wie dit úteinlik gjin probleem en ha ik alle fakken helle. Singapore, the Lion City Singapoer sels is erch lyts, mei in opperflakte fan 710 km2 past it 58 kear yn Nederlân. Dochs wenje der sa’n 5,6 miljoen minsken mei allegear ferskillende nasjonaliteiten. Troch de grutte wolfeart binne der in soad bûtenlânske


bedriuwen en bestiet in grut diel fan de befolking út ekspats. it is in hiel skjin mar ek strang lân, je meie bygelyks gjin kaugom ha dat is in misdriuw en dêr kinne je foar oppakt wurde. Oeral hingje ek kamera’s om de minsken yn de gaten te hâlden. Yn de earste pear wiken bin ik hast alle frije dagen en wykeinen mei freondinnen de stêd yn west en ha we it lân oan it ferkennen west. Oant we ús ferbliuwspas hiene, mochten we it lân net út, dit duorre ûngefear 3 wiken. genôch tiid om alles te besjen! De ferskillen tusken de moderne stêd en de natoergebieten binne grut. Je kinne goed sjen dat it in ryk lân is, de stêd bestiet út yntins grutte wolkekrabbers en allinnich mar djoere winkels. gelokkich is it noarden fan it lân noch net sa ûntwikkele en hat it moaie grutte natoergebieten mei hege heuvels, kleurige planten en in hiel soad apen. Singapoer hat in soad hichtepunten; Marina Bay, Sentosa, Merlion, Orchard Road, gardens by the Bay, de Flower Domes, China Town, Little india en prachtige gebouwen. Mei alle dagen temperatueren boppe de 30 graden binne we ek regelmjittich op it strân te finen west. Ek al bin ik hjir foar myn stúdzje, ik hoopje neist Singapoer in hiel soad fan Azië te sjen.


Hast alle dagen ha we wol les, it binne dus foaral de wykeinen wêryn’t we reizgje kinne. De tripkes nei it bûtenlân it earste wykein dat we it lân út mochten, bin ik mei fiif froulju nei Kuala Lumpur west. We sieten yn in hostel foar € 3,- per nacht midden yn it sintrum. Yn trije dagen ha we hast de hiele stêd besjoen mei as hichtepunt de Batu Caves. De Batu Caves besteane út 272 kleurde treden dy’t úteinlik nei de timpels liede. We hiene it gelok dat ús besite op in spesjale feestdei foel. Der wie in grut ritueel dêr’t tûzenen Hindoestanen oan mei diene, se moasten mei heakken yn harren rêch of mei swiere potten op de holle de timpel beklimme om in offer te bringen oan de sinnegod. Dit wie hiel aaklich om nei te sjen. Neist Kuala Lumpur binne we ek noch in wykeintsje nei Borneo west, it op twa nei grutste eilân fan de wrâld mei de ferneamde noasaap dy’t allinnich hjir yn de natoer te finen is. Neist wat kultuer en de omjouwing ferkenne, bestie it wykein foaral út sinne, strân en see. it hichtepunt fan myn reis wie Tailân. Tegearre mei twa oare Nederlânske froulju bin ik tsien dagen nei it suden fan Tailân west. We binne begongen op Koh Samet, in lyts eilân te suden fan Bangkok, dêrnei ha we yn trije dagen Bangkok besjoen en de lêste fjouwer dagen binne we op Krabi west. Dêr’t we op Koh Samet foaral rêstich oan dien ha en genoaten fan de sinne, binne we yn Bangkok oan rêst net ta kommen. We ha de grutste Boeddha fan de wrâld sjoen, prachtige timpels besocht, de Royal Palace bewûndere, in boattocht troch Bangkok makke en in bytsje fan it nachtlibben preaun en foaral hiel erch genoaten. Op Krabi ha we noch in soad fan de sinne genoaten en binne we regelmjittich de natoer yn west; bergen beklommen, in kanotocht makke troch de grotten en it moeras en mei in scooter it eilân ferkenne. Wat ik it measte miste fan Nederlân wie it iten. De locals ieten 3 kear deis rys, faaks mei fisk of hin en sûnder of mei in bytsje griente. Nei 3 wiken ha ik yn in


Nederlânske supermerk pindakaas, crackers en dropkes en stroopwafels helle sadat it iten noch mar 2x deis út rys bestie. It sit dr op! Korona wie al frij gau yn Singapoer. ik moast fan 8 febrewaris ôf 2x deis myn temperatuer opmjitte en trochjaan. Oeral wêr’t we kamen moasten we ús hannen desynfektearje en wer op ‘e nij de temperatuer opmjitte, as dizze boppe de 37,5 gr. wie mochten we der net yn. it wie nei in pear wiken suver al normaal. Mar doe … fan de iene op de oare dei waarden der studinten nei hûs helle troch harren universiteit. it begong mei de Amerikanen, doe kaam Frankryk en stadichoan oan waarden hieltyd mear minsken nei hûs helle. Nei lang oerlis, ha we mei in groep freondinnen besletten om te bliuwen. We woene noch sa folle dwaan en sjen en woene noch lang net nei hûs. Der stie noch hiel wat op de planning; Bali, de Filipijnen, Australië… We wiene der oer út, we soene bliuwe sa lang it mocht en we net nei hûs stjoerd wurde soenen. Noch gjin wike letter kaam der ek fan út Nederlân it nijs, eltsenien yn it bûtenlân moast sa gau as mooglik werom komme. it gong fan doe ôf hiel hurd.Nei wat tillefoantsjes mei de Nederlânske ambassade yn Singapoer, it ministearje fan bûtenlânske saken en it thúsfront, ha ik op tongersdei 19 maart dan dochs myn ticket nei Nederlân boekt. Noch gjin 24 oeren letter siet ik yn it fleantúch en freed 20 maart wie ik nei in reis fan 18 oeren wer op Nederlânske boaiem. Thús ha ik earst noch 2 wiken yn karantêne sitten yn it hûs fan myn beppe. Myn skoalle koe ik online ôfmeitsje, somtiden mei lessen om 2 oere yn de nacht troch it tiidsferskil. ik fyn it hiel spitich dat ik myn reis net ôfmeitsje koe, dêrom wol ik der seker ek wer hinne. Foar no bliuw ik yn Nederlân mar sadra’t it wer kin stap ik op it fleantúch werom nei Azië om myn reis ôf te meitsjen! groetjes Jildou



De koksmûtse: eiersalade Door Annebeth de Jong

Ingrediënten • 4 eieren • 2 eetlepels mayonaise • 2 eetlepels (griekse) yoghurt • ½ theelepel mosterd

• 1 flinke theelepel kerriepoeder • handje verse bieslook • beetje zout en peper

Benodigdheden Schaal, vork, mes en een steelpan Bereiding • Kook de eieren ongeveer 10 minuten. Laat ze schrikken in koud water en pel ze. Laat de eieren daarna even afkoelen. • Maak een sausje van de mayonaise, (griekse) yoghurt, mosterd, kerriepoeder en bieslook. • Snijd de gepelde eieren in stukjes en prak met een vork tot grove ‘stukken’ ei. Voeg de eieren toe aan het sausje en roer alles goed door. • Breng het op smaak met wat zout en peper en garneer het met wat verse bieslook.

Lekker voor bij de BBQ!

Bron: Bolswarder Courant


Bernehoekje

Troch Froukje Dijkstra

1

= giel

3

= oranje

5

= donkerblau

2

= read

4

= grien

6

= ljochtblau

Fijne fakânsje!


Bernehoekje

Troch Froukje Dijkstra


nieuwsgierig

kansen. Welkom bij van der Eems.

VA N D ER EEM S . N L E A S T ER EI N / HEER EN V EEN


Millions discover their favorite reads on issuu every month.

Give your content the digital home it deserves. Get it to any device in seconds.