Doarpskrantsje jannewaris 2020

Page 1

DOARPSKRANTSJE EASTEREIN jannewaris 2020


Couperus Hydrauliek uw specialist voor hydraulische systemen, aandrijftechniek en machinebouw.

Kwaliteit staat bij ons voorop. Onze uitstekende dienstverlening, de persoonlijke aandacht voor elke klant en het meedenken in een oplossing in de technieken die afhankelijk zijn van oliedruk, zijn daarvoor het bewijs. Wij zijn dan ook snel in staat om op een vakkundige manier storingen te verhelpen, reparaties uit te voeren of nieuwe machines voor u te ontwikkelen. Wij leveren onder andere de aggregaten en machines voor bijvoorbeeld de kunststofindustrie, destructiebedrijven, papierverwerkende industrie, landbouw en de scheepvaart. Daarnaast bouwt Couperus Hydrauliek ook eigen machines. Zo hebben wij ervaring met het bouwen van: • Miniheistellingen• JPL-Persen • Plamuurpersen • Krammenpersen • Palenkrakers • Kielklemmen Door de steeds strenger wordende regelgeving omtrent veiligheid en milieu, leveren wij CE gekeurde systemen en machines. Dit geeft u dus de zekerheid dat u een goed product koopt bij een deskundige en betrouwbare leverancier.

Couperus Hydrauliek BV | Fabrykswei 9 | 8734 HV te Easterein info@couperushydrauliek.nl | T 0515-332288 | F 0515-331640


Kolofon

Nûmer 1 – Jannewaris 2020

Redaksje: Bauke de Boer Nathalie Oliveiro Paul David Meesters Kopij Doarpskrantsje: doarpskrante@easterein.nl as by Nathalie Oliveiro, Dobbelân 7 Webside Easterein.nl: info@easterein.nl Twitter: @easterein_frl Facebook: Fraach&oanbod&sa Advertinsje? Mail nei doarpskrante@easterein.nl Rekkennûmer: NL70 RABO 0349 5017 26 û.f.f. Doarpskrante Printwurk: Drukkerij Van der Eems Foto foarside: Aldjiersploech Easterein Opmaak: Froukje Dijkstra

De redaksje fan de Doarpskrante is net oanspraaklik foar de ynhâld of strekking fan de stikken. De redaksje behâldt har it rjocht foar om artikels yn te koartsjen of mooglik te redigearren. Troch it ynstjoeren fan tekstof beeldmateriaal jouwe jo tastemming foar it fermannichfâldigjen hjirfan.

Jimme hawwe it earste boekje fan 2020 yn hannen! We meie werom sjen op in prachtich jier, mei hjir en dêr in lytse as grutte útdaging, mar it hat mei namme in jier west wêryn Easterein op de ferskatene, bysûndere wizen op de kaart setten is. Yn 2020 meie we útsjen nei aventoeren, spannende reisferhalen, âlde kiekjes, ynterviews en hooplik in protte mear!

In spesjale fermelding fertsjinnet Jan Hiemstra: Yn dit boekje kinne jimme syn 50ste Snypsnaar lêze.

Kopijdatum: Moandei 20 jannewaris


Doarpsaginda Jannewaris 01 jannewaris

10:00

Nijjierstjinst mei pastor Anne Marike Dijkstra Martinitsjerke

05 jannewaris

09:30-10:30

Tsjerketsjinst mei ds. N. de Jong-Wiersema Martinitsjerke

08 jannewaris

hiele dei

Krystbeammen kinne lâns de dyk (yn plak fan griene container)

10 jannewaris

18:30-20:00

Piamaparty groep 1 o/m 6 Tsjerne

11 jannewaris

9:15-10.15

Ald papier Wilhelmina

20:00-21:30

Piamaparty groep 7 en 8 Tsjerne

9:30-10:30

Tsjerketsjinst mei ds. I. van der Pol, Waldsein Martinitsjerke

16:00-17:30

Konsert “Magisch 2020” Wilhelmina & Wilhelmini’s Bergsma Easterein

14 jannewaris

14:30-16:30

60+ mei sprekker dhr. Visser Skoalleseize

15 jannewaris

hiele dei

Grize container

19 jannewaris

09:30-10:30

Tsjerketsjinst mei ds. C. Nicolay-Brouwer Martinitsjerke

12 jannewaris

20 jannewaris

Lêste ynleverdei kopij Doarpskrante


22 jannewaris

hiele dei

Griene container

26 jannewaris

9:30-10:30

Tsjerketsjinst mei mw. ds. J.D. Th. Wassenaar Martinitsjerke

16:00-17:00

Bluescruise Eastersnein mei The Bluesbusters Bergsma Easterein

hiele dei

Grize container

29 jannewaris Febrewaris 01 febrewaris

Bingo Tsjerne

02 febrewaris

9:30-10:30

Tsjerketsjinst mei ds. J. Kamerling, Franeker Martinitsjerke

05 febrewaris

hiele dei

Griene container

Dizze ynformaasje komt fan easterein.nl en út de mailtsjes dy’t wy krije. Ha jo ek wat foar de doarpsaginda? Mail it dan nei doarpskrante@easterein.nl

Legen van containers Wanneer wordt uw container geleegd in 2020? Dit kunt u opzoeken op de digitale afvalkalender. Let goed op, want het kan zijn dat wij op een andere dag uw container legen dan u van ons gewend bent.



❤ Yfke ❤ Safolle kaartjes, leave wurden, appkes en blommen. By Jort en Karen yn Drylts en by ús as famylje. Danke wol foar jim meilibjen mei ús grut fertriet. Titus en Rigt Bergsma

Passage christelijke maatschappelijke vrouwenvereniging Op woensdag 15 januari om 19.45 uur in De Skoalleseize Deze avond komt Boukje de Jong-Spoor uit Oudega sm. verhalen vertellen over winterwille en over haar sportieve carrière als schaatsster. Zij heeft drie maal de Elfstedentocht geschaatst. Iedereen is van harte welkom!

Kerstbomen In de tweede week van januari halen we kerstbomen op. De kerstboom kunt u aanbieden op de plaats waar u anders de container neerzet. We legen deze week de groene containers niet (GFT). U kunt de boom natuurlijk ook altijd nog naar de milieustraatbrengen.


Fan it Bestjoer

De bêste winsken foar it nije jier!

In nij jier! ‘Mei faasje’ bliuwe wy ús ynsetten foar de saken dy’t yn ‘t doarp spylje. As earste wolle we de oprop fan de redaksje fan de doarpskrante nochris ûnder jim omtinken bringe. We hearre in protte wurdearring foar de doarpskrante en dus in plúm foar de redaksje. Dy siket om fersterking. Dus wa’t ambysje hat, meld jim oan! TekstvakIt doarpsargyf opsette Yn de foarige doarpskrante ha we oanjûn dat we minsken sykje dy’t nocht ha om it ‘doarpsargyf’ te aktualisearjen, sa mooglik te digitalisearjen en ynsichtlik en beskikber te meitsjen. Ek derfoar freegje we noch minsken dy’t har derfoar ynsette wolle. Glêstried Easterein hat noch net genôch oanmeldingen om op de glêstried oansluten te wurden. Lokkich is it ek de kommende moannen noch mooglik om je oan te melden. Op 6 desimber is in update makke. Dy stiet ek yn dizze doarpskrante. Fia de website dy’t yn it berjocht oanjûn is, kin elk it fierdere ferrin no folgje. Opknappen kaai Griene Leane Mei de oanwenners fan de Griene Leane binne de winsken op in rij set dy’t, sa mooglik, meinommen wurde kinne bij it fernijen fan de kade. Dy winsken binne trochspylje nei SWF. It is no earst wachtsjen op de reaksje fan de Gemeente. En dernei sil der fierder praat wurde. Krúspunt van Eysingaleane/Populiereleane We ha besocht om dit ferkearspunt stevich oan te passen, mar dat krijt gjin prioriteit by de gemeente. Ek sjoen it feit dat it al aardich wat koste hat en frij nij is. Der sil wol in lytse oanpassing fan û.o. de beplanting plak fine, om de oersichtlikheid te fergrutsjen. Dat fynt plak mei it wurk dat noch plak fynt yn it kader fan it opleverjen fan fase 3 Boomgaard. Hâld Faesje EASTEREIN

Ut namme fan it doarpsbelang, Berend, Annemieke, Broer Harmen, Simon, Baukje, Catharina en Sjoukje


Update aanleg Glasvezel DFMopglas Ons motto is en blijft glasvezel voor de hele Mienskip. Met dat doel voor ogen hebben we alle mogelijke scenario’s in kaart gebracht en kunnen we nu duidelijkheid geven. Een deel van de kleine kernen in Noardwest Fryslân ten zuiden van de A31 en een groot deel van de kleine kernen in Súdwest Fryslân zat boven de 35% aanmeldingen. Kijkende naar het gemiddelde van deze kernen samen haalden we de benodigde 35% niet. Dit betekent dat we op dit moment de aanleg van een glasvezelnetwerk in de kleine kernen niet kunnen garanderen. Vanaf de start hebben we aangegeven dat we graag de hele Mienskip op het netwerk van de toekomst willen aansluiten. Om dit te kunnen realiseren is een gemiddelde van 35% over het hele gebied noodzakelijk. Voor Easterein zijn nog 34 aanmeldingen nodig. Wij hebben het vertrouwen dat de kleine kernen in Noard- en Súdwest Fryslân samen de benodigde 35% kunnen halen. Daarom kunnen bewoners die inaanmerking komen voor een aansluiting zich tot de zomer van 2020 blijven aanmelden. Uiteraard zijn de extra kosten voor aansluiten achteraf niet van toepassing. Dankzij de inzet van veel enthousiaste vrijwilligers hebben duizenden bewoners zich al aangemeld. Daarom zien we dat het haalbaar is voor het hele gebied. We zullen de inwoners van de kleine kernen persoonlijk informeren over de actuele status op hun adres. Daarnaast is de gebiedsinformatie te vinden op https://glasvezelvoorfryslan.nl. De status zal vanaf het nieuwe jaar wekelijks worden bijgewerkt.


:[ ckp_aWdj[d \Wd <Wd\Wh[ M_b^[bc_d_ i M_b^[bc_dW fh[i[dj[Wh`[

9 ìѱ

:¦°°¦ ÍѱÀºÑ Í× Í Ñ¹ Ñ× Í ¦º Qº ¦º ° ºº æ Í¦Ñ £ À Í Ð$b$\$ Z_h_]_dj[d @ea[ Ah_ij M_bX[hj Pm_[h 8o Z[ Ïj]ed]


Wilhelmina Nijs Op Krystmoarn binne jim fêst wer ferrast troch de fanfareklanken dy’t jim moarnsbetiid heart ha kinnen. Altyd wer bysûnder om yn it tsjuster û.o. ‘Stille nacht, heilige nacht’ te spyljen. Ek hat dernei in lyts groepke fan ik korps yn Nij Stapert te Wommels krystferskes spiele. Nijjierskonsert op 12 jannewaris Op 12 jannewaris kinne jim ús allegear hearre op ús Nijjierskonsert mei as tema ‘Magysk 2020’. De Wilhemini’s begjinne it konsert mei in oantal nûmers, wêrby ek oare jonge muzikanten de sang en gitaar fersoargje sille. It grutte korps sil echte Nijjiershits as ‘a Brand New Day’ en ‘Happy New Year’ foar jim spylje, mar ek û.o. it prachtige ‘O Magnum Mysterium’ en as topper ‘The Witch and the Saint’. Nei it konsert is alle romte om by te praten ûnder it genot fan in drankje. Op de flyer kinne jim fierdere ynfo fine. Aginda 2020 Tegearre mei ús interim-dirigent Wilbert Zwier binne der plannen makke foar optredens yn it nije jier. Sa sille wy op ‘e nij de kompetysje oangean mei oare korpsen binnen de gemeente Súd-westFryslân op it Femuza festival op 21 maart. Dêrneis ha we ek wer nocht oan it jaan fan in befrijdingskonsert yn maaie en gean begjin july mooglik op konkoers nei Rastede yn Dútslân. Genôch aktiviteiten om nei út te sjen! De Wilhelmini’s ha op freed 20 desimber de Krystfiering foar de âlderein muzikaal begelieden, in feestlik en sfearfol barren yn de Skoalleseize. Prachtich dat jong en âld sa by elkoar komme. De jeugdkommisje hat ek alwer moaie plannen klear lizzen foar 2020 mei as hichtepunt in wykein nei Skiermûntseach. Sy sille dêr op 6 juny harren keunsten heare litte yn de koepel op it Musyk- en Sangfestival!! De allerbêste winsken foar it nije jier! Wy winske jim allegear in lokkich, sûn en muzikaal 2020 ta en hoopje jim gau wer te sjen by ien fan ús optredens!



HATSEFLATS! Wat hat de Aldjiersploech fan Easterein der yn gearwurking mei de Tsjerne wer in wurk fan makke. Fan de Eastereiner TOP 100, gesellich sitte foar en nei it fjoerwurk, en Carbidsjitte foar Dummies: Wat in ynset! De fjoerwurksjo? Yn ien wurd GEWELDICH!

De âldjiersstunt wie wer raak, en waard net allinnich troch Eastereiners mar ek troch de ‘’eigners’’ fan it byld wurdearre. ‘’Fanôf maart moatte wy goed op ús snelheid lette Dan kinne wy oer in oantal jierren miskien in streekje sette Mar wolle wy mei ús allen in klimaatkrisis echt út de wei gean Dan kinne wy net lykas it kabinet oer ien nacht iis gean.’’


Bergsma

Easterein

Restaurant-partycentrum Sibadawei 2, 8734 HE Easterein Telefoon: 0515 - 331290


Sibe van der Meulen, 40 jaar dorpsomroeper Door Paul David Meesters

“Hoort boeren, burgers en buitenlui!” Het omroepen in dorpen en steden is een functie waarvan de historie tot in de Middeleeuwen teruggaat. Zo waren er toen de zogenaamde ‘porders’ die ervoor zorgden dat de boeren bijtijds uit bed kwamen om hun vee te melken. Bellen, ratels en trommels werden ingezet om de boodschappen aan te kondigen. Dorpsomroepers verenigden zich op den duur in gilden, zoals ook slagers en bakkers dat deden. In Easterein vervulde Jelle Visser vanaf 1939 de functie van dorpsomroeper, tot hij in 1979 naar elders verhuisde. Nu alweer veertig jaar geleden, op 4 november 1979, werd Sibe van der Meulen door het Doarpsbelang aangewezen als nieuwe dorpsomroeper. Kort daarvoor was Sibe al ingesprongen toen er een noodslacht bekend moest worden gemaakt. Maar liefst zeven koeien waren door de bliksem getroffen. Sibe moest alle dorpen in de omgeving rond met het bericht dat er ‘vrijbankvlees’ te koop kwam en de mensen vooral hun tassen moesten meenemen. In 1981 werd Sibe vervolgens ook officieel omroeper van de Gemeente Littenseradiel. Naast zijn werk in de bliksembeveiliging ging daar op den duur aardig wat tijd inzitten. Op zijn stemvolume heeft Sibe nooit hoeven oefenen. “Bij mij in de familie hebben ze allemaal van die luide stemmen, da’s een aangeboren afwijking”, lacht Sibe. Van de lagere school weet hij nog dat de hoofdonderwijzer hem drie lokalen verderop kon horen praten. Wat voor aankondigingen Sibe als omroeper zoal heeft gedaan? Dat kon om van alles gaan: van vergaderingen tot kaats- en schaatswedstrijden en niet te vergeten de Friese damkampioenschappen. Ook bij de komst van de kapper die destijds eens in de paar weken het dorp aandeed luidde Sibe zijn bel. De nieuwjaarsreceptie in 2011 in het Gemeentehuis in Wommels kondigde hij bij voorbeeld zo aan:


Folk fan Easterein harkje goed Kom fan ‘e middei, hjoed, Om fjouwer oere nei ‘t Gemeentehûs Der is romte by de rûs… De boargemaster noadigt alle minsken Om elkoar nij jier te winskjen Der is wat foar de kiel en wat foar de tosken En dat allegear op gemeente – kosten ! Net stinne…Hinne ! Jow it troch en siz it fier Yn dit splinternije jier !!! Sibe liet zich op den duur ook elders in het land horen. Het jaarlijkse Carnaval in het zuiden van het land slaat hij nooit over. Eenmaal was hij zijn stem kwijt. Dat kwam gelukkig nog net op tijd goed, toen hij succesvol wielrenner Pieter Weening uit Harkema moest verwelkomen. Ook heeft hij een flink aantal winkelopeningen op zijn naam staan. Op 4 maart 1991 was Sibe medeoprichter van de EVSDON, de Eerste Vereniging van Stads- en Dorpsomroepers Nederland. Sibe deed mee aan diverse concoursen en kampioenschappen in het land. Deelnemers brengen daar een verplichte en een vrije roep ten gehore, die door een jury worden beoordeeld. Tot teleurstelling van Sibe had de jury op den duur meer aandacht voor uiterlijk en contact met het publiek, dan voor stemvolume en heldere spraak. In 2003 was hij van de partij bij de Wereldkampioenschappen in het Engelse Newquay. Sibe werd in 1949 in Akkrum geboren. Na een aantal lokale omzwervingen kwam hij in 1972 in Easterein te wonen, aanvankelijk op Dobbelân, met zijn vrouw Grietje. Grietje kwam helaas te overlijden in 2015. Samen kregen ze drie kinderen: Hilda, Pieter en Leendert. Hilda en Leendert wonen nog steeds in Easterein, Pieter woont in Berlikum. Momenteel trekt Sibe zijn omroeperskledij zo eens per maand nog aan. Een aantal klussen is vaste prik, zoals de jaarlijkse Boerenbruiloft in Joure. Momenteel bereidt Sibe zich voor op een verhuizing van Easterein naar het Bildt waar hij in zijn jongere jaren ook al een tijd woonde. Een goede gelegenheid om in het Doarpskrantsje nog eens een tekst van Sibe aan te halen die hij in den lande menigmaal liet horen en waarin zijn liefde voor Easterein niet onder stoelen of banken wordt gestoken. De woorden zijn ook nu van de hand van Klaas Kooistra, al meer dan 40 jaar Sibe’s trouwe tekstschrijver:


Boeren burgers en buitenlui De dorpen op ons platteland Zijn als parels in het zand Maar….: één plek reikt boven elke stand Dit dorp is méér dan een diamant U denkt misschien te zijn verwend Maar was nog nooit in Oosterend Waar je historie nog kunt horen Met huizen rond de trotse toren De klok vertelt een oud verhaal De kerk met een uniek doksaal Met een café, waar u moet zijn geweest Daar te zijn is reeds een feest Waar mensen ras uw vrienden zijn Een plek te mooi om waar te zijn Met een bruisende gemeenschapszin Ik waarschuw u, wanneer u gaat Dat u het helaas weer verlaat Met een gepaste tegenzin Dit dorp; een kern in het Friese hart Dat uw stoutste dromen tart Wat Napels doet verbleken U moet het zelf maar weten Maar wanneer u ooit uw hoofd laat rusten Wees dan u wel bewust Dat u zich geen verwijten kent Ik was nog nooit in Oosterend !!! Kom daarom naar dit magisch oord; Zegt het vóóóóóóóórt, zegt het vóóoóóóórt!!!


Hoe is it mei… Linda Vellinga Troch Bauke de Boer

Hûshalding Tegearre mei Jan Koornstra wenje ik no tige nei’t sin yn Wommels oan de Hottingawei. Yn Easterein bin ik berne yn 1963 yn it hûshâlding fan Folkert en Lies Vellinga en sus en broer Klaske en Yme. Oant myn 25e ha ik yn Easterein wenne oan de Sibadawei no 8. As minsken my freegje wêr ik wei kom fertel ik altyd dat ik yn Wommels wenje mar grut wurden bin yn Easterein, op beide bin ik grutsk! Ik sis altyd it is sa moai wurden yn Wommels troch al die Eastereiners dy’t der no wenje. Grut wurde yn Easterein De tiid op de legere skoalle wie goed mar it bern wêzen en it boartsjen yn ’e buorren, it famkeskoar, reedride troch it doarp, jûns bûten boartsje en thúskomme as de lantearnen oangongen, útfiering fan ODI op it sportfjild, klub yn ’e Tsjerne, bernekrystfeest yn tsjerke, de boarterstún en sa folle mear dêr sitte myn moaiste oantinkens. Ek tink ik mei nocht werom oan de tiid dat ik op sneon te moarn by familje Jouke en Margje Houtsma wurke. Wat wie it der gesellich altyd.

Yn ‘e midden dat bin ik, Linda Vellinga-Koornstra. Rjochts fan my myn suster Klaske Hoeksma-Vellinga en links fan my myn broer Yme Vellinga. Efter myn mem Lies Vellinga-de Schiffart mei myn heit Folkert Vellinga.

Bining mei Easterein Fan heit syn kant ha ik noch kontakten mei famylje yn Easterein en ik fyn it altyd prachtich as ik yn Wommels minsken tsjin kom út Easterein dan fiele jo dat der bining is om’t je der sels weikomme.


En wat is it bysûnder dat wy sûnt ús 50e wer kontakt ha mei de famkes út ús klasse fan de legere skoalle. Ofrûne jier op in prachtige simmerdei fuort west mei Klaske Kuiper, Bettie Okkema, Betty Hofstra, Aukje Kamstra en Klaasje van der Heide. In pear jier tebek ek mei Annette Bosgra derby hja wennet yn Canada. Deistich libben Yn myn deistich libben bin ik drok mei fan alles en noch wat; sa as myn húshâlding mei trije folwoeksen bern, harren partners en twa beppesizzers, mantelsoargjen foar in omke en tante en myn wurk as soarchkundige yn it Bonifatiushûs yn Snits. Yn ús frije tiid meie wy graach rinne en fytse en mei de karavan op fakânsje gean. Dat allegear, ús sûnens en in feestje op ’e tiid makket dat wy it tige nei’t sin ha. Oant sjen yn Wommels as Easterein! Linda Vellinga-Koornstra

Ut de n... húshâlding fa ? it d Wa binne



Leer je dorp kennen!

2e bijeenkomst zondagmiddag 26 januari Jan Hiemstra - bekend van de Doarpskrant rubriek Snypsnaren - kent Easterein als geen ander. Jan deelt eens per maand zijn kennis van het dorp met oude en nieuwe liefhebbers. Dat gebeurt op verschillende manieren: met een voordracht, met oude foto’s of met een rondwandeling.

Op de eerste bijeenkomst eind november gaf Jan in vogelvlucht een mooi overzicht van de dorpsgeschiedenis aan de hand van diverse foto’s uit zijn archief. Enthousiaste ‘hikke en tein’ Eastereiners zagen veel bekends terug, voor nieuwe bewoners was het een mooie kans de geschiedenis te leren kennen en hun vragen aan Jan te stellen. Dat smaakte naar meer, vandaar dat we in het nieuwe jaar de draad snel weer oppakken. De tweede bijeenkomst vindt plaats op: • • • •

zondagmiddag 26 januari 15.00 tot 16.30 uur locatie: de Skoalleseize toegang gratis

Voor informatie kunt u mailen naar Maaike Dekker: maaikedekker123@gmail.com


Geschiedenis van Easterein Troch Karin Everhardus

Easterein bestaat al eeuwenheugend lang In 1378 al werd ‘to Aestereynde’ in geschriften genoemd. Dit was de oudst bekende plaatsnaam van het dorp in het Oudfries en betekende letterlijk ‘oostelijk gelegen uiteinde’. Door de eeuwen heen volgden diverse benamingen elkaar op, totdat in 1991 het dorp zijn huidige en officiële naam kreeg. Eeuwenlang was Easterein het grootste en aanzienlijkste dorp van de grietenij waar toe het behoorde, Hennaarderadeel. Een grietenij was in het verleden de in gebruik zijnde naam voor een plattelandsgemeente. Pas in de loop van de 19e eeuw werd Easterein in grootte en belangrijkheid overvleugeld door het dorp Wommels. Beschrijving aldus 1788 Een beschrijving uit 1788 gaf een schilderachtig dorpsbeeld: In Oosterend, een groot en aanzienlijk dorp, placht een spitse toren te zijn die geheel van steen was. Hiervan had de spits een hoogte van ‘60 voeten’ (ruim 18 meter). Maar nadat in het jaar 1672 - op een ‘bid’dag - door een harde donderslag de spits er afgeslagen werd, kwam er in 1685 een houten spits van ‘30 voeten’ (9 meter) hoog. De kerk werd gezien als één der fraaiste onder de Landkerken. De kwartieren rondom Easterein Naast de zogenoemde Kerkbuurt (het centrum rond de kerk) die redelijk groot was, bestond het dorp uit vier ‘vierendeelen’ ofwel kwartieren. De belangrijkste was het ‘Meylehuister vierendeel’ waarin vier staten (een state is een landhuis of boerderij van aanzien, soms adellijk) lagen. Dit waren groot en klein Meilahuis, Jellema en Sjaarda. In het ‘Slypster vierendeel’ lagen de Slyp, de ‘Saunlæster’ huizen en de staten Bonga en Koyfenne. Het ‘Wynser vierendeel’ bevatte het buurtje Wyns met de staten Donia, klein en groot Hoekens, en Rispens. Tot slot nog het ‘Eeskwerder vierendeel’, hiertoe behoorden de buurtjes en huizen Stittens, Eeskwerd, Syons én de oude staten Roordema en Sibada. Helaas waren al deze staten genoegzaam verdwenen…


Sibede Van het dorp weg, voorbij de laatstgenoemde buurtjes en staten, liep noordwaarts een Opvaart, ook wel Sibada of Sibede genoemd, die zich in de ‘Bolswerder’ jaagvaart stortte. In het zuidoosten liep vanaf Oosterend nog een vaart, naar de Hydaarder vaart en vanaf daar weder naar de Sneeker vaart op Franeker. Ook liep vanaf het dorp een ‘Rijdweg’, naar het noorden toe naar Franeker, en zuidwaarts naar Sneek en Bolsward. Hiermee bevond Oosterend zich onder de ‘welgelegen’ dorpen. Dit dorp was van zuid naar noord, wel een heel uur ‘gaans’ lang (!) Historie blijft voortbestaan Aldus luidt een ingekorte en in iets moderner Nederlands gevatte dorpsbeschrijving uit de ‘Tegenwoordige Staat van Friesland’, een 18e eeuws naslagwerk. Maar een paar opvallende en typerende woorden voor die tijd zijn blijven staan, gevat tussen aanhalingstekens. Hoe mooi en opmerkelijk ondanks alle veranderingen sinds 1788 dat de historie blijft voortleven in diverse straatnamen van Easterein.


Fizel

D R O G I ST E R I J - PA R F U M E R I E

TERP 52, 8731 BA WOMMELS TELEFOON 0515 333 210


D! NIEUW IN FRIESLAN

? willen leren bespelen t en m ru st in n ee g ment of zou je graa s! Speel jij al een instrukschool Friesland aan het juiste adre e les op het instrument dat je Dan ben je bij Muzie en zeer ervaren muzikanten en speelt vanaenf gedeluieedsrsttechniek. ofessionele , bas of zelfs lichtJe krijgt les van pr gitaar, drums, zang , rd oa yb ke , no graag wilt leren. Pia

! n i e r e t s a E n i s e l Nu ookerritgHiintgast avoorr meer informatie, l Bel of mail G schoolfriesland.n ek zi u m t@ ri er g / 06 184 21 578

lfriesland.nl o o h c s k ie z u .m w ww


e

50

edysje

Snypsnaren (It fabryk)

Troch Jan Hiemstra

Jierrenlang waard it sylhûet fan Easterein bepaald troch trije boppe it doarp út rizende bousels. It die der net ta fan hokker kant je kamen, mar yn it midden stie altyd de toer fan de herfoarme tsjerke mei de spits sa ‘t dy der nei de brân fan 1672 opkaam, en dan oan wjerskanten it tuorke fan de grifformearde tsjerke (1902) en de skoarstien fan it fabryk (1897-1964). As der dan ek noch grutte swarte wolken út de fabryksskoarstien kamen wie it al hielendal in majestueus gesicht. It fabryk Hiene je it yn Easterein oer it fabryk dan bedoelden je it fabryk oan de Itenserdyk. Yn dit fabryk waard molke ferwurke ta bûter, mar foaral tsiis, … en sûpenbrij. Easterein wie net it iennige doarp mei sa ’n fabryk. Op it hichtepunt stiene der yn Fryslân mear as 100. Wa ‘t yn it begjin fan de 20e iuw yn Easterein de toer beklom, koe de skoarstiens fan de fabriken yn Wommels, Lollum, Winsum, Easterlittens, Wiuwert en miskien wol Weidum, Sibrandabuorren, Skearnegoutum, Snits en Boalsert rikjen sjen. Al dy fabriken wiene oprjochte om it wurk fan de boerinnen, dy ’t ferantwurdlik wiene foar de bûter- en tsiisproduksje, lichter te meitsjen en de kwaliteit fan de produkten te ferbetterjen. De oprjochting Sa‘n fabryk stie der net fan de iene op de oare dei. Yn maart 1895 stie der in berjochtsje yn de LC dat guon der oer tochten om yn Easterein in fabryk op te rjochtsjen. Op 17 desimber 1896 waard der in gearkomste hâlden en op 30 jannewaris 1897 de ‘Coöperatieve Stoomzuivelfabriek Oosterend e.o.’ oprjochte. Sa as it yn Easterein by alles gong, hiene de tsjerkfâden fan de ‘grut’tsjerke it ien en oar yn de molke te brokkeljen. Sy moasten der yn tastimme om in stik lân oan de nij oprjochte koöperaasje ôf te stean foar de bou fan in fabryk. Soks kaam klear. It stik greide lâns de Itenserdyk, dat by de pleats fan P.Y. van der Valk hearde, waard beskikber steld. De grûn waard net ferkocht, it waard erfpacht mei as betinkst dat der op sneins tusken 8.00 en 16.00 oere net wurke wurde mocht. De bou It ûntwerp en de bou waarden troch Eastereiners fersoarge. Yn ús doarp wenne in ferneamd laach (= geslacht) timmerlju: de Timmenga ‘s. Harren timmerskuorre stie oan Skoalstrjitte 1. Ien út dit laach, Selius wie as boukundige belutsen by de


bouplannen fan it fabryk mei fjouwer arbeiderswenten. It wurk waard yn 1897 gund oan Ude Timmenga, in broer fan Selius, foar 29.860 gûne. It waard in hiele moaie fabryk en as je der fan de dykskant ôf nei seagen foel links de mânske direkteurswente op dy ’t fia de tuskenromte fan it fabryk ferbûn wie mei it rjochter bedriuwsgedielte, dat it profyl fan de direkteurswente hie. Dêrefter riisde de mânske fabryksskoarstien op. It fabryk lei net allinne oan de dyk, mar ek oan it wetter en dat sil grif fan belang west ha foar de oanfier fan de boumaterialen. It personiel Op it fabryk kamen minsken mei in oplieding oan it wurk. Yn it foarste plak in direkteur, in ‘suvel’ fan de hegere suvelskoalle út Boalsert. Hy krige de lieding. Sa ’n direkteur hie meastal assistint op in oare fabryk west. As der dan in plakje frijkaam koe er sollisitearje. Foar de tsiis- en bûterproduksje wiene faklju nedich: tsiismakkers, bûtermakkers, in sintrifugist en molke-kontroleurs. Der wie in ‘boekhâlder’ dy ‘t ‘alles’ fêstlizze moast en it molkjild en de leanen útbetelle. Dan wie der in masinist, want sûnder sa ’n man kaam de steammasjine net oan de praat. En dan hiene al dy faklju harren assistinten! Twa bysûndere faklju moatte noch neamd wurde: de kûper dy ’t de houten bûterfetsjes makke en de fabrykstimmerman dy ’t fabryk en fabrykshuzen ûnderhold. Wat elkenien mei spierballen wol dwaan koe wie it leechsmiten fan de molkbussen op de ûntfangst om dêrnei in meunster te nimmen foardat de molke nei de opslachtanks streamde. Dêrwei gong de molke nei de bûter- en tsiismakkerij. Al mei al wiene der mear as 30 minsken yn fêste tsjinst fan it fabryk. Meunsternimmers en molkriders It fabryk hie net allinne fêst personiel oan it wurk mar ek ‘losse’ arbeiders sa as meunsternimmers en molkriders dy ’t wat wy hjoed-de-dei ZZP-ers neame, oan de kost kamen. In meunsternimmer gong op ‘e neimiddei en moarnsier nei de pleatsen om dêr fan elke ko in flutske molke út de molkamer te leppeljen. Dat flutske kaam yn in fleske dat yn in meunsternimmersbakje opburgen waard. Elk miel molke dat oan de meunsternimmer foarby gong waard woegen. De ynhâld fan de fleskes gong nei it fabryk om dêr troch de molkekontroleur ûndersocht ûndersocht te wurden op fet en aaiwyt. Foar de priis fan de molke wie it gewicht, it fet, it aaiwyt en de skjinnens fan belang. Hoe better de sifers wiene, hoe heger de molkepriis waard. It ferfier fan de molke nei it fabryk barde diels troch de boeren sels, mar foar it grutste part troch molkriders en molkfarders. Dy wiene dêr sân dagen yn de wike, twa kear deis mei yn it spier.



It fabryk en it doarp Troch it fabryk wie der libben yn it doarp. It personiel moast op-en-delle (en gong sels nei hûs te kofjedrinken), mar ek molkweinen en -boaten soargen foar de noadige drokte. It fabryk levere wurk en ynkommen. Lean foar de arbeiders en molkjild foar de boeren; dit jild waard waard foar in grut part yn it doarp bestege …èn garre op de boerelienbank. Sûnder it fabryk hiene it grutte tal middenstanners (winkellju en ambachtslju sa as smid, timmerman en fytsmakker) yn Easterein gean bestean. Ek it doarps- en ferieningslibben, en de skoalle en de tsjerken hiene baat by it fabryk. Aardichheidsjes Al rillegau nei de bou fan it fabryk waard der in elektrisiteitslieding nei it doarp oanlein, want op it fabryk waard elektrisiteit opwekke. De ynwenners koene harren oanslute op wat se ‘it nije ljocht’ neamden: elektrysk ljocht yn plak fan de peteroaljelampen. Mannige reed waard oanlein of ferhurde mei de sintels (=restanten) fan ferbrânde stienkoal). Foar ús bern wie it in aardichheid om op ‘e neimiddei nei it fabryk te gean as de tsizen út de fetsjes kamen en yn de pikelbakken moasten. Dan waarden de rânen der earst ôfsnien. Dy rânen gongen nei de Frico yn Ljouwert foar it meitsjen fan kistkes tsiis. Mar der skeaten ek wol wat koarsten oer en as je dy dan efkes yn de pikelbak ûnderdompele hiene dan wie der neat lekkerders as in farske tsiiskoarste. Guon jongelju hiene simmerdeis fakânsjewurk op it fabryk as tsiiskearder, meunsternimmer, help op it kantoar of it laboratoarium. It moaiste putsje wie om ien kear yn de wike mei de fabryksboat nei de Frico yn Ljouwert te farren om dêr de tsizen ôf te leverjen. Dy boat fear troch de Sebeare, de trekfeart Boalsert – Ljouwert en kaam by de Frico oan. De kapitein fan de fabryksboat naam meastal in knipperke en de assistint mocht stjoere. Moaier koene je it net krije. .

Neiskrift Fyftich edysjes lang fan ha ik jimme fermakke, ergere, ferfeeld mei myn ferhalen oer de tiid fan foaral nei de oarloch. Ik ha it mei in soad plezier dien, mar hâld der mei op. Ik soe wol mear te fertellen ha, mar der binne noch sa ’n soarte saken dy ’t ik dwaan wol. Sa ha ik bygelyks tal fan hiele nijsgjirrige foto ’s oer Easterein op myn kompjûter sitten. Dy soene miskien yn de takomst ôfprinte wurde kinne, mei wat kommentaar derby. Mochten jimme jimme roppen fiele my goede ideeën (of wat oars) oan de hân te dwaan dan kin der altyd maild wurde nei: hiemstra.j1943@gmail.com


De Pinne: Tietske Folkertsma Mijn naam is Tietske Folkertsma. Sinds mei 2019 woon ik aan de Foarbuorren op nummer elf, het huisje in de rij met Johannes Hazenberg en Pieter de Boer. Of bij de flamingo, zeg ik ook wel eens. Die heeft afgelopen zomer heerlijk achter huis in het water gedobberd en ligt nu als waak-flamingo in mijn tuintje. Onlangs ontdekte ik in een boek over de geschiedenis van Easterein dat de Foarbuorren rond het jaar 1000 ontstaan is, bijzonder! Nadat Gera de Haan, die ik al vanaf jongs af aan ken, verhuisde naar Boazum ben ik hier komen wonen. Ik ben ‘hikke en tein’ (jaja, geleerd uit de dorpskrant) in Wjelsryp. De actieve blaasmuziekcultuur in dit dorp is de voedingsbodem geweest van mijn hobby, passie en uiteindelijk mijn werk: muziek. Na de middelbare school in Bolsward verhuisde ik op mijn zeventiende naar Zwolle voor de studie Docent Muziek, of Schoolmuziek zoals men het voorheen noemde. Tijdens mijn studie en in de jaren daarna heb ik als Vakleerkracht Muziek gewerkt op verschillende basisscholen en ben ik actief geweest in het (blaasmuziek)verenigingsleven in en rondom Zwolle. Momenteel ben ik in plaats van docerend meer uitvoerend actief. In het weekend ben ik op pad met mijn band en door de week werk ik bij Akte2 in Sneek. Hier verzorg ik de (financiële) administratie. Akte2 is het onderwijsbureau en projectbureau van Cultuur Kwartier Sneek (CKS). Andere pilaren van het CKS zijn Theater Sneek, Poppodium Bolwerk, Kunstencentrum Atrium en Verhuur. Vroeger ben ik wel eens met de taxi vanuit ús doarp naar Easterein gekomen om een feestje te bouwen op de muziek van Papa di Grazzi. Nu speel ik zelf trompet en zing ik backing vocals in deze band waarmee ik ieder weekend tot in de late uurtjes op pad ben. Hierdoor ben ik meestal ’s ochtends niet zo’n hele vroege vogel. ’s Avonds en/of in het weekend werken betekent dat je minder makkelijk mee kunt doen met festiviteiten in het dorp. Waar ik in Zwolle de eerste twee jaar moest ‘afleren’ om iedereen te begroeten, geniet ik nu weer erg van de gemoedelijkheid, rust en vriendelijkheid van het dorp. De Greidhoeke voelt als thuiskomen. Ik verkeer mij met een Grouster die in Groningen woont, hierdoor ben ik ook vaak in de Martinistad te vinden. Naast muziek maken mag ik ook graag vegetarisch koken, bakken, yoga beoefenen, hardlopen (nou… ja… soms dan…) en wandelen. Ik heb al een aantal


mooie rondjes ontdekt rondom Easterein. Mijn favoriet is de pôle om. Never a dull moment met de natuur die je daar tegenkomt; onlangs werd ik achtervolgd door een koe. Ik vind het heerlijk om over de velden uit te kunnen kijken. Ook ben ik graag creatief bezig. Dit schooljaar ben ik een pottenbakcursus begonnen bij het Atrium in Sneek. Heerlijk, met je handen in de klei. Boetseren en potten draaien is nog niet zo makkelijk! Tijdens de publicatie van dit boekje hoop ik inmiddels thee te kunnen drinken uit mijn eerste eigen gemaakte mok. Mijn favoriete thee is intussen ‘De Glimlach van Mona Lisa’ uit de winkel aan de Wynserdyk, een echte aanrader.

© RonnievanSchenkhof.nl



Oranjeferiening Oranje en Heitelân noeget jimme fan herte út foar de

LEDEGEARKOMSTE op

woansdei 5 febrewaris 2020

jûns om 20:00 oere yn De Skoalleseize 1. 2. 3. 4. 5.

Iepening troch de foarsitter Notulen fan de foarige ledegearkomste Jierferslach oer 2019 Finansjeel ferslach oer 2019 + Begrutting 2020 Ferslach kaskommisje (Elisabeth Breeuwsma + Germ Kooistra) + beneaming nije kaskommisje SKOFT

6.

Bestjoersmutaasjes: ôftredend: Ruurd Overwijk foardroegen: Hendrik Sweering

7.

Tiid foar: a. Polsbantsjesbelied b. Programma Keningsdei 27 april 2020 c. Programma doarpsfeesten 25 en 26 juny 2020

8. 9.

Rûnfraach Sluting Oant sjen! Groetnis, de Oranjeferiening Jan Jetze, Christian, Klaas, Jelte, Johannes, Ruurd, Vera, Frida en Hieke


Perû

Troch de eagen fan Berend en Jetske Yn trije wiken ha we in rûnreis makke troch Perû yn Súd-Amearika. Om kennis te meitsjen mei de minsken, kultuer, natoer, lânbou en de skiednis. We hâlde fan in stevich programma want dan belibje je it meast. Dat betsjut in protte reizgje en ferkasse mei de koffer as kleankast. Want Perû is 30 kear sa grut as Nederlân. Der wenje sa’n 31 miljoen minsken, wêrfan 11 miljoen yn de haadstêd Lima. Oankomst Der kamen we yn oktober ek oan nei in flecht fan 12 oeren fan ôf Amsterdam. Perû leit yn de tropen, noardelik fan de evener. Lima leit oan de Stille Oseaan en om dizze tiid is it der op syn kâldst; tusken 20-25 °C. We reizgje mei in groep fan 22 minsken en ha in Perûaanske reisliedster. Troud mei in Belg, en dertroch sprekt se ek Flaamsk. We ‘crosse’ in hiele dei troch Lima en krije it Súd-Amerikaanske temperamint al te pakken yn it histoarysk sintrum. De Katakombe, de Katedraal en het Plaza de Armes, en de útbundige merkjes binne prachtich. We reizgje fierder. Nei 250 km troch de woestyn komme we yn it havenstedsje Pisco oan. Foar it sliepen noch in pear Pisco Sour; dat is dé cocktail fan Perû. En troch Foar de kust lizze de Ballestos eilannen. “De Galapagos fan Perû” neamd, om de unike fauna fan fûgels, seeliuwen, seehûnen en dolfinen. We gean der mei in boat hinne. Keapje in pear grutte hoeden, om der net folslein ûnder skiten te wurden.


Troch nei Nasca, wêr’t de ferneamde figueren yn it lânskip úttekene binne. It is it earste kontakt mei de Inca kultuer. Yndrukwekkend, en dat binne ek de mummies fan Chauchilla. It droege woestynsân hat se konserveare. Al wie’t yn Wiuwert. Troch nei Arequipa, sa’n 600 km fierder en op 2400 mtr. hichte De wite stêd wêr’t it altyd maaitiid is, mei in protte sinne en 25 °C. Op de eftergrûn de fulkaan El Misty op 5880 mtr. Twa dagen om alfêst te wennen oan de hichte fan it Andes gebergte. We begjinne no ek op coca blêden om te kauwen, en we drinke coca-thee. Dat is allegear legaal yn Perû. We hoopje de kâns op hichtesykte te ferminderjen. Arequipa sjocht der riker út as Lima. Mar it is net te fergelykjen mei de wolfeart dy’t wij kenne. Perûanen binne noflike en aardige minsken. Se ha net botte each foar netsjes. In grutte rotsoai om hûs en hear. Wêr’t men net oer stroffelt bliuwt lizzen. It grutste part fan de huzen bliuwt yn oanbou. Salang it net ôf is hoecht der gjin belesting betelle te wurden. En dat jild ha se faak ek net. Geraldine fertelt der in protte oer. Winkelje dogge de minsken op de merke. Meast oerdekt en in drokte fan komsa. In aardichheid, gjin opdringerij, mar wol goed om as toerist efkes oer de priis te praten. Genôch histoarysk te besjen.


Op nei de Canon del Colca, ien fan de djipste kloven op é wrâld 4000 mtr. Underweis tikket de hichtemeter 4910 mtr oan. Lokkich ha wy gjin lêst fan hichtesykte. Bij de canyon sjogge wij de Condors mei in spanwiidte fan mear as 3 meter. Troch nei Puno, om te farren op it Titicaca mar. Dat leit op 3800 mtr, is 175 km lang en 45 km breed. We besykje de Uros yndianen, dy’t wenje op sels flochten reiteilannen yn de mar. Der binne se hinne flechte yn tiden fan oarloch en geweld. Fierder nei Cusco, de eardere haadstêd fan de Inca’s. Einleas ride oer de heechflakte fan de Andes. It waar De temperatueren wikselje sterk. Skynt de sinne dan is it samar 30 °C, mar skoat der in wolk foar dan is it 15 °C. En nachts is it kâld. It is de kracht fan de tropen yn kombinaasje mei de grutte hichte. Poer natoer dy heechflakte. Oeral Lama- en Alpaca kuddes, en de wylde farianten derfan, dy’t ek de dyk oerstekke. En gjin mins te sjen yn dizze ûnmjitlik grutte wrâld….


We komme yn Cusco, it sintrum fan de deelsteat en ien en al drokte. No meitsje wij ús op foar de reis en besite oan Machu Picchu, it ymposante ruïne-kompleks fan de Inca’s. We oernachtsje yn Aguas Calientes, en dan sjogge we it wrâldwûnder. Wauw, dit leit ús foar altyd op it netflies. Lêste wike De lêste wike bringe we troch yn it Amazone oerwâld. We fleane nei Maldonado en farre yn 3 oeren nei it resort yn de ‘middle of the bush’. In pear oeren deis is der elektrysk fan sinnepanielen. Gjin wifi en tillefoan. Bij need kin der fia in radiopost kontakt lein wurde mei de bewenne wrâld. Gjin ruten mar huorren. Fochtich en gleon. De klean fiele klomsk oan en om 6.30 oere is it al 35 °C. We sitte flak foar de reintiid en noch krioelt it fan allerlei ynsekten. Tichte skuon, lange broek en -mouwen is it bêst. Unfoarstelber sa’t de natoer him hjir ûntjout. It tilt op fan bistelûden. En alles groeit bij de klippen op. We sjogge ek hoe’t famyljes lâns de rivier in bestean ha, en har rêde sûnder alles wêr’t wy net sûnder kinne. Al mei al in pracht reis. In fijne groep, wille en geniet. En foaral ek it besef hoe grut de wrâld is en hoe grut it ferskaat oan minsken is yn stribjen, dwaan en litten. Wat wy no witte: - De temperatuer kin hurd hinne en wer, je bliuwe oan it ferklaaien - Yn Perû ite se ‘ynterkontinintaal’; Sjinees, Italiaansk, Spaansk, ensf. - Lama’s, Alpaka en Kavia’s wurde der folop iten - Perû is de bakermat fan de jirpels, der binne mear as 3000 soarten - De reinbôge flagge wappert der oeral, fan oarsprong is it in Inca flagge

Ut de húshâlding fan... Oplossing Dizze kear in foto út de húshâlding fan de famylje Joop en Evelien Kloosterman. Fan links nei rjochts: Anneke en Wendelien.



Ut de âlde doaze

December 1982 Skrok: Recreatiewoning Oosterend grotendeels uitgebrand

De recreatiewoning van de fam. Geerling uit Amsterdam is grotendeels verwoest. De vermoedelijke oorzaak van de brand is oververhitting van de kachelpijp van de allesbrander. De woning werd sinds februari permanent bewoond door mevr. A. Beuker.



De koksmûtse: Roomhoorntjes Door Annebeth de Jong

Ingrediënten • Plakjes bladerdeeg • Slagroom • Banketbakkersroom • Suiker Benodigdheden • Roomhoornpennen of ijshoorntjes omwikkeld met aluminiumfolie • Olie of bakspray om in te vetten • Bakpapier Bereiding • Verwarm de oven voor op 200 °C. Bekleed een bakplaat met bakpapier en vet de roomhoornpennen licht in met olie of bakspray. • Snijd banen van 1 ½ centimeter breed van het bladerdeeg. Bestrijk deze licht met water en wikkel het deeg vervolgens om de roomhoornpennen. Doe dit vanaf de smalle kant (de punt) en zorg ervoor dat het bladerdeeg steeds 1/3 over het vorige bladerdeeg valt. • Strooi de suiker (of kaneelgranules of greinsuiker) op een plat bord. Druk het roomhoorntje aan 1 kant in de suiker. Zorg er daarbij voor dat de sluiting van het bladerdeeg aan de bovenkant zit. Leg de roomhoornpennen vervolgens met de sluiting van het bladerdeeg naar beneden op de bakplaat. • Bak de roomhoorntjes 17-22 minuten. Verlaag de oventemperatuur naar 170 °C, verwijder voorzichtig de roomhoornpennen en leg het bladerdeeg nog zo’n 10 minuten terug in de oven. Laat ze afkoelen op een rooster. Daarna zijn ze naar wens te vullen!

Bron: https://rutgerbakt.nl/gebak-recepten/roomhoorntjes-met-drie-verschillende-vullingen


Bernehoekje

Troch Froukje Dijkstra



nieuwsgierig

kansen. Welkom bij van der Eems.

VA N D ER EEM S . N L E A S T ER EI N / HEER EN V EEN


Millions discover their favorite reads on issuu every month.

Give your content the digital home it deserves. Get it to any device in seconds.