Page 1

EASTEREIN febrewaris 2020

DOARPSKRANTSJE


Couperus Hydrauliek uw specialist voor hydraulische systemen, aandrijftechniek en machinebouw.

Kwaliteit staat bij ons voorop. Onze uitstekende dienstverlening, de persoonlijke aandacht voor elke klant en het meedenken in een oplossing in de technieken die afhankelijk zijn van oliedruk, zijn daarvoor het bewijs. Wij zijn dan ook snel in staat om op een vakkundige manier storingen te verhelpen, reparaties uit te voeren of nieuwe machines voor u te ontwikkelen. Wij leveren onder andere de aggregaten en machines voor bijvoorbeeld de kunststofindustrie, destructiebedrijven, papierverwerkende industrie, landbouw en de scheepvaart. Daarnaast bouwt Couperus Hydrauliek ook eigen machines. Zo hebben wij ervaring met het bouwen van: • Miniheistellingen• JPL-Persen • Plamuurpersen • Krammenpersen • Palenkrakers • Kielklemmen Door de steeds strenger wordende regelgeving omtrent veiligheid en milieu, leveren wij CE gekeurde systemen en machines. Dit geeft u dus de zekerheid dat u een goed product koopt bij een deskundige en betrouwbare leverancier.

Couperus Hydrauliek BV | Fabrykswei 9 | 8734 HV te Easterein info@couperushydrauliek.nl | T 0515-332288 | F 0515-331640


Kolofon

Nûmer 2 – Febrewaris 2020 Redaksje: Bauke de Boer Marijke de Boer Paul David Meesters Nathalie Oliveiro Einredaksje: Amarins de Haan Foto foarside: Willy Sybesma Opmaak: Froukje Dijkstra Printwurk: Drukkerij Van der Eems Kopij Doarpskrantsje: doarpskrante@easterein.nl as by Nathalie Oliveiro, Dobbelân 7 Webside Easterein.nl: info@easterein.nl Twitter: @easterein_frl Facebook: Fraach&oanbod&sa

Doe iets geks Denk iets moois Zeg iets liefs dan heeft elke dag iets positiefs

Advertinsje? Mail nei doarpskrante@easterein.nl Rekkennûmer: NL70 RABO 0349 5017 26 û.f.f. Doarpskrante De redaksje fan de Doarpskrante stelt har net oanspraaklik foar de ynhâld fan ynstjoerde stikken. De redaksje behâldt har it rjocht foar om artikels yn te koartsjen of mooglik te redigearren. Troch it ynstjoeren fan tekst- as beeldmateriaal jouwe jo tastimming foar it fermannichfâldigjen hjirfan.

Kopijdatum: Woansdei 26 febrewaris


Doarpsaginda Febrewaris 02 febrewaris

09:30-10:30 14:00-20.00

Tsjerketsjinst mei ds. J. Kamerling Martinitsjerke Trouwbeurs ‘Leve de Leafde’ Restaurant Bergsma

05 febrewaris

hiele dei hiele dei 20:00-21.00

Griene kontener Stúdzjedei de Foareker - bern binne fry Jiergearkomste Oranje en Heitelân Skoalleseize

07 febrewaris

18:30-20:00

Bernedisko groep 1 o/m 6 Tsjerne

08 febrewaris

09:15-10:15 20:00-21:30

Ald papier Wilhelmina Bernedisko groep 7 en 8 Tsjerne

12 febrewaris

hiele dei 19:00-20:00

Grize kontener Passage Skoalleseize

14 febrewaris

16.00-17.30

Ferdivedaasje op freed Gebiedsteam Boalsert/Wommels Biblioteek Wommels Resepsje winners NK famkes KF Easterein Skoalleseize

19:30-20:30 15 febrewaris

17:00-18:00

Darttoernoai foar folwoeksenen Tsjerne

16 febrewaris

09:30-10:30

Tsjerketsjinst mei ds. G. Wessels Martinitsjerke

17 febrewaris

hiele dei 14:00-15.30

Foarjiersfakânsje BO en VO Creatyf Café ‘Troostdekentjes maken’ Biblioteek Wommels


19 febrewaris

hiele dei 16:00-17:00

Griene kontener Bluescruise Eastersnein mei The Bluesbusters Bergsma Easterein

21 febrewaris

15:00

Fûgelhúskes meitsje Jeugdaktiviteit 7-10jr Biblioteek Wommels

22 febrewaris

20.00

Bingo Tsjerne

23 febrewaris

16:00-17:00

Bluiscruise Eastersnein mei Tuff Luck Restaurant Bergsma

26 febrewaris

hiele dei 10:00-11.30

Grize kontener Repair Café op tournee Biblioteek Wommels

28 febrewaris

20:00-21:00

Fuort Mar Los spilet ‘De kat yn de kelder’ Restaurant Bergsma

29 febrewaris

20:00-21:00

Fuort Mar Los spilet ‘De kat yn de kelder’ Restaurant Bergsma

Maart 04 maart

hiele dei

Griene kontener

06 maart

18:30-20:00

Bernebingo groep 1 o/m 6 Tsjerne

07 maart

20:00-21:30

Bernebingo groep 7 en 8 Tsjerne

Dizze ynformaasje komt fan easterein.nl en út de mailtsjes dy’t wy krije. Ha jo ek wat foar de doarpsaginda? Mail it dan nei doarpskrante@easterein.nl



Efkes foarstelle... Amarins de Haan Sûnt foarich jier maart bin ik wer werom yn Easterein, tegearre mei myn hûn Silke. Ik ha goed twa jier op ’e Lemmer wenne. Mar eins bin ik altyd ûnwennich west. Lemmer is in stik grutter en ik fûn it lestich hjir myn draai te finen. Ik miste it doarpsgefoel, in praatsje op ‘e dyk, it omtinken om elkoar. Mar boppe al myn freonen en myn frijwilligerswurk yn Easterein. Ik wurkje as kommunikaasje-adviseur by de provinsje Fryslân. Ik bin lid fan Wilhelmina; hjir spylje ik op tenoarsaksofoan. Mar ek in korps kin net sûnder frijwilligers. Dus ik bin neist it blazen ek drok mei oare taken dy’t om ‘e hoeke sjen komme; sa as bygelyks muzykbiblioteek. Dêrneist bin ik bestjoerslid fan Easterein Rocks. Werom yn de redaksje Ik wie ek ien fan de redaksjeleden fan it earste oere. Ik ha altyd mei in protte sin en wille oan it krantsje meiwurke. It fernuvere my dus ek net dat Bauke frege as ik wer nocht hie om yn de redaksje werom te kommen. En no ik wer te plak bin, myn draai wer fûn ha, koe ik it net litte om de einredaksje fan it krantsje wer foar myn rekken te nimmen.

De kat yn de kelder De kat yn de kelder, it stik dat Fuort Mar Los ein febrewaris spilet, stiet garant foar in jûn ûnkomplisearre plezier. Fan de earste oant en mei de lêste sêne sil sels de grutste soertoet laitsje moatte om dit ferhaal. Yn it koart sein: it wurdt in gesellige jûn mei in protte laitsjen! Hinne dus!

De jierlikse automatyske ynkasso fan it donateursjild foar Fuort Mar Los sil yn febrewaris 2020 ôfskreaun wurde. Bestjoer Fuort Mar Los



Efkes foarstelle... Marijke de Boer Yn in foargeand nûmer ha jimme troch myn reisferhaal miskien al in bytsje in bield fan my krigen, mar dochs stel ik my dit kear as nij redaksje lid noch efkes in kear foar. Ik; Marijke de Boer (25) wenje oan ’t no ta myn libben lang op ’e Singel & bin dan fêst ek gjin ûnbekende foar it doarp. Sûnt in jier bin ik klear mei myn oplieding ferpleegkunde & wurkje ik mei alle plezier yn ’t Antonius sikehús fan Snits. Doe’t ik de oprop seach yn ’e doarpskrante & ik it skriuwen fan moaie ferhalen wol hiel leuk fyn, like my dit in moaie nije útdaging. Ik sil my benammen dwaande hâlde mei de nije kollum; it wurk fan…! Dat wa wit sit ik ynkoarten wol by jim oan ’e keukentafel ;)

Ut de n... húshâlding fa ? Wa binne dit


Wilhelmina Nijs It jier 2020 sette goed yn foar ús mei op 12 jannewaris in prachtich Nijjierskonsert yn de sfearfolle seal fan Bergsma. Wy ha genoaten fan de folle seal, de grappen fan de heks as presintatrise (ús Reina), de ferkleipartij fan ús dirigint Wilbert as Harry Potter en fansels fan de Magyske muzyk! It konsert begon mei twa nûmers fan de Wilhelmini’s û.l.f. Joke Krist. By it twadde nûmer ‘I will survive’ song Esmée (Metz út Itens, red.) de stjerren fan de himel en spile Rixt Brouwer prachtich de pianopartij. Jan Jetze Brouwer begeliede de fammen op basgitaar. Dêrnei spile it ‘grutte’ korps in oantal nûmers werûnder ‘the Witch en the Saint’, ‘Harry Potter’ en de Nijjiersklassieker ‘Happy New Year’. Ek wy mochten gebrûk meitsje fan de sangtalinten fan Esmée by it nûmer ‘a Brand New Day’, geweldich! Nei ôfrin ha wy gesellich neiprate kinnen mei jim as publyk ûnder it genot fan in Nijjiersslokje. Ek mochten wy wer rekkenje op jim finansjele stipe yn de Hege Hoed by de útgong, tank derfoar.


Aginda 2020 Wy binne ûnderwilens alwer oan it oefenjen foar de fierdere optredens. As earste foar it Femuza-festival op 21 maart yn Nylân, in kompetysje tusken ferskate korpsen út de gemeente Súd-West Fryslân. Wy sille dêr ús titel ferdigenje! Ek sit der in grut opset befrijingskonsert oan te kommen. Sneon 18 jannewaris krigen wy te hearen dat wy foar dit konsert in soliste fan it NNO op fioele wûn ha!! Om hjir op kâns te meitsjen koenen wy in plan skriuwe en dit is slagge. Wy sjogge o sa út nei de gearwurking mei Lianne van den Berg! Fansels folget hjir mear ynformaasje oer as hâld ús Facebook & webside yn de gaten!



Inisjatyfrike Friezen mei goede projektideeën socht Friezen mei in goed idee om de leefberens yn harren doarp, stêd of op harren eilân te ferbetterjen, kinne subsydzje oanfreegje út it Iepen Mienskipsfûns (IMF). Mei dizze subsydzjeregeling, dy’t koartlyn útwreide is mei moetingsplakken, helpt provinsje Fryslân inisjativen út de mienskip út te fieren. Yn dizze subsydzjeomgong is € 1.450.000 beskikber foar hiel Fryslân. In wichtich útgongspunt is, dat ynwenners sels útmeitsje wat wichtich is foar de leefberens yn harren gebiet en ek de projekten opsette. Doel is om by te dragen oan lokale ynnovaasje, de leefberens te befoarderjen en de wurkgelegenheid en oanlûkingskrêft te stimulearjen. Inisjatyfnimmers kinne foar it opstellen fan in projektplan en help by de subsydzjeoanfraach terjochte by Streekwurk en Doarpswurk. Sjoch foar mear ynformaasje op www.streekwurk.frl/imf of www.doarpswurk.frl.

Jeugd Sponsor Actie Poiesz Fan 10 febrewaris oant 5 april 2020 Dit jier binne we mei de Keatsferiening wer ynlotte om mei te dwaan oan ‘e Jeugd Sponsor Actie fan Poiesz. De munten dy’t jo by it boadskipjen krije, kinnen yn Skearnegoutum ynlevere wurde. Jo meie de munten ek by ús ynleverje, dan soargje wy derfoar dat se te plak komme. Alfêst Tige Tank! Jongereinkommisje, Keatsferiening Easterein


Herberg, deel I

Door Karin Everhardus In 1511 zou er al iets als een herberg geweest zijn in Easterein oftewel Oosterend. Dit zou op de plek zijn waar weg en water bij elkaar kwamen, in een tijd toen het echte ‘eiland van Oosterend’ nog bestond. Vroegste berichtgeving Op zoek naar naamsvermeldingen die wijzen op het bestaan van een herberg, is de vroegste berichtgeving van 1580, op de tweede mei. Er was toen ten huize van herbergier Engbert J. Jansz. een bijeenkomst van de grietman (burgemeester) met de twee priesters, welke afgezet waren vanwege het verbod van de Rooms-Katholieke Kerk in Friesland. Zij kwamen in de herberg bijeen om tot een akkoord te komen over een definitieve ‘pensie’ (uitkering of schadevergoeding). Begin december van datzelfde jaar kwamen elf soldaten in het dorp aan. Zij maakten klaarblijkelijk ‘grote kosten’ in de herberg van Engbert J. Jansz., na hun bezoek daar zouden ze voor veel onrust in het dorp gezorgd hebben. Tako Douwes Wat later in de tijd, rond 1600, was ene Tako Douwes herbergier in Oosterend. In 1610 echter verliet hij het dorp alweer om hetzelfde beroep in Wommels te gaan uitoefenen. Kenmerkend voor hem, dat hij tegelijk dorpsherbergier en executeur van de grietenij (plattelandsgemeente) Hennaarderadeel was. In 1642 werd een herberg te Wommels geruild voor een herberg te Oosterend met nog een toegift van 725 gg (goudgulden). Destijds werd zo’n ruil van grondbezit ook wel een ‘wandelkoop’ genoemd. De eerste afbetaling ervan zou bij levering zijn, die ‘wederzijds’ een week voor of na de Rienster (paarden)markt zou geschieden. Wijbe Jelles Later, in 1650 en 1652, werd een zekere Wijbe Jelles vermeld als zijnde herbergier in Oosterend. In het jaar 1660 deed dezelfde Wijbe Jelles, ‘kastlein’ te Easterein, een bod op - een huis alhier met recht van “gastenije & tapperije”, hebbende het kerkhof ten westen, de “achterbuijren” (Achterburen - later Skilplein) ten oosten en de “costerije huijsinge” ten zuiden. Hieruit zou blijken dat Easterein in 1660 voorzien was van een herberg op de hoek met het tegenwoordige Skilplein!, en tegenover het âlde’ Heechhiem.


Strategische ligging Duidelijk moge zijn dat de ligging van de Eastereiner herberg in 1660 zeer strategisch was. Namelijk direct achter de kerk en om de hoek bevond zich destijds een 'keatsebaan' op de Achterburen (volgens proclamatie-aktes). Deze kaatsbaan zou zeker bestaan hebben tot 1758. De weg die erlangs liep kwam iets oostelijker uit bij de haven. Toentertijd was het daar een drukte van belang, in tegenstelling met de rust van nu. Nieuwe herberg Op 1 maart 1743 was er, zo beschreef de ‘Stads en Dorpskroniek’ van Dr. G.A. Wumkes “ op het N.-W. van Oosterend een nieuwe herberg gebouwd”. Voorafgaand hieraan was in 1742 aan ene Alger Pieters de ‘kapitale’ geldsom van fl. 150,- betaald. Hiermee verkocht hij een huis ‘aan de rijweg’, op de plaats daarvan verrees een jaar later de nieuwe herberg. Met het volgende opschrift op de gevel: “Tot dienst van ‘t gemeen en Oosterends verciering, is dit gebouw gesticht door goede dorpsbestiering”. Nieuwsgierig naar het vervolg? Nieuwsgierig naar het verdere verloop in de geschiedenis van Eastereins herberg, dan diene men nog een maand geduld te hebben voor verschijning van deel II.

Bij gebrek aan een oudere en passende afbeelding uit de tot nu toe beschreven periode, hierbij een ansichtkaart uit 1910. Uitgegeven door de weduwe P.F. Vellenga, met het plaatselijke etablissement aan de welbekende driesprong van Easterein.


D! NIEUW IN FRIESLAN

? willen leren bespelen t en m ru st in n ee g ment of zou je graa s! Speel jij al een instrukschool Friesland aan het juiste adre e les op het instrument dat je Dan ben je bij Muzie en zeer ervaren muzikanten en speelt vanaenf gedeluieedsrsttechniek. ofessionele , bas of zelfs lichtJe krijgt les van pr gitaar, drums, zang , rd oa yb ke , no graag wilt leren. Pia

! n i e r e t s a E n i s e l Nu ookerritgHiintgast avoorr meer informatie, l Bel of mail G schoolfriesland.n ek zi u m t@ ri er g / 06 184 21 578

lfriesland.nl o o h c s k ie z u .m w ww


Theatercollege met schrijver Frank Westerman

Koning van de literaire non-fictie, auteur van o.a. de Graanrepubliek 7 februari 2020 | 20.00 uur | €10,- | Lewinski Sneek

THEMA – Een meeslepende tijdreis naar onze oorsprong: wie zijn wij? Allemaal slaan we verwoed met onze staart op het water, maar anders dan de walvis menen wij mensen dat ons spetteren ertoe doet. In 2003 wordt in een grot op Flores, Indonesië, de fossiele oermens gevonden. Is dit fossiel de missing link tussen mens en dier? En als wij de overtreffende trap van het dier zijn, waarin schuilt dan het onderscheid? Wat zijn eigenlijk de verschillen en overeenkomsten tussen ons en dieren? Wie is Frank Westerman? Schrijver Frank Westerman, koning van de literaire non-fictie, auteur van het ene schitterende boek na het andere, zoals de Graanrepubliek en El Negro en ik. In november 2019 verscheen zijn nieuwe boek De wereld volgens Darp, over het einde (en de terugkeer) van de Koude Oorlog. Wil je meer weten? Kijk dan op onze website www.deuitdaging.frl of bel met Thea van Wijk, 0515-228000 of stuur een mail naar info@vanwijkproducties.nl. Tickets theatercollege met schrijver Frank Westerman 7 februari 2020 via www.deuitdaging.frl


De hobby fan…..

Troch Paul David Meesters De schoenen- én andere verzamelingen van Boudewijn Kramer “M’n kantoor heeft wel wat van de kroeg van Easterein” Als Boudewijn de deur opendoet voor het interview met het Doarpskrantsje loopt hij op sokken. Maar we zijn toch echt aan het goede adres voor de man met een bijzondere schoenenverzameling. Zijn collectie staat voor de gelegenheid uitgestald op de tafel in de woonkamer. Het is een bonte mengeling aan modellen en kleuren, waar Boudewijns goede smaak van afstraalt. En ze worden allemaal nog regelmatig gedragen.

Beste beentje voor Al 33 jaar werkt Boudewijn bij de firma Oostwoud in Franeker. De firma maakt behalve medisch meubilair ook kluizen en postbussen. Boudewijn begon er als monteur, een goede keus met zijn twee rechterhanden. Later kwam hij terecht op de servicebus, waarmee hij de klanten af ging voor reparaties. Vooral stalen ziekenhuisbedden zijn zware jongens. Toen Boudewijn een


blessure opliep moest hij de servicebus dan ook met spijt opgeven. Nu rijdt hij al dertien jaar als vertegenwoordiger van Oostwoud letterlijk half Nederland door, “Alles boven de lijn Leiderdorp, Nieuwegein, Enschede is mijn werkgebied.” Jaarlijks verslijt hij dan ook zo’n 60.000 autokilometers. Voor het werk als vertegenwoordiger moest Boudewijn netjes voor de dag komen. En hij koos zijn schoeisel uit om daar een eigen accent aan mee te geven. Tafel vol schoenen Op tafel staan tien paar schoenen. Zijn eerste stel was een groen paar Rehab’s, van Nederlandse bodem. Daar kwamen later andere Rehab modellen en veelkleurige Italiaanse schoenen van slangenleer (merk Pepe Milan) bij. Uit Groningen haalt Boudewijn schoenen van Reinhard Frans, die in een klein winkeltje met de hand gemaakt worden en aan de wensen van de klant kunnen worden aangepast. Toch kost een paar daar steevast 150 Euro, niet duur voor een handgemaakte schoen. Zo af en toe moet Boudewijn zich wel even inhouden als hij een aantrekkelijke aanbieding tegenkomt. Toch voorspelt hij dat mocht je over tien jaar terugkomen, de hele tafel wel vol zal staan met schoeisel. Rariteitenkabinet Schoenen blijken niet de enige verzameling van Boudewijn. Hij heeft ook een aardige collectie horloges, waarvoor hij net een mooi bewaarkistje heeft getimmerd. Ook die draagt hij met regelmaat. En zijn werkkamer boven staat en hangt vol met vondsten die hij her en der in Kringloopwinkels deed. “M’n kantoor heeft wel wat van de kroeg van Easterein”, lacht Boudewijn. Vrijwilligerswerk Boudewijn woont nu 13 jaar met zijn vrouw Baukje de Jong aan de Van Eijsingaleane. Zijn wieg stond buiten Friesland, in Leiden. Maar van jongs af aan ging hij met zijn ouders heel regelmatig naar een vakantiehuisje bij Abbega. Rond zijn negende jaar verhuisde het gezin naar Burgwerd, waar Baukje trouwens ook vandaan komt. In Easterein heeft Boudewijn het goed naar zijn zin. Hij is er volop actief in het dorpsleven. Eerst vervulde hij meerdere jaren het voorzitterschap van de ‘feestcommissie’(de Oranje Vereniging). Ruim twee jaar terug werd hij gestrikt als voorzitter van het Skoalleseizebestuur. Daar ging aanvankelijk een hoop tijd in zitten, met de gemeentelijke overgang van Littenseradiel naar Súdwest-Fryslân. Die drukte is nu wat achter de rug en het bestuur vormt een fijne club met elkaar. In de Skoalleseize komt Boudewijn niet alleen als bestuurder, hij is er ook wel eens achter de tap te vinden. Maar daarvoor trekt hij geen speciale schoenen aan.


Bergsma

Easterein

Restaurant-partycentrum Sibadawei 2, 8734 HE Easterein Telefoon: 0515 - 331290


SAVE THE DATE en vier de liefde! De eerste editie van trouwbeurs ‘Leve de Leafde @ Bergsma Easterein’ vindt plaats op zondag 02-02-2020 tussen 14:00 uur en 20:00 uur. Een romantische datum waarop circa 30 bruidsexperts samen komen om verliefde en verloofde koppels te inspireren om hun huwelijksdag onvergetelijk te maken. Al vele jaren fungeert Bergsma Easterein als trouwlocatie voor kersverse bruidsparen die in dit authentieke pand hun liefde bezegelen en vieren. Voor het eerst opent trouwlocatie Bergsma Easterein nu ook haar deuren voor trouwbeurs ‘Leve de Leafde @ Bergsma Easterein’. Voor het organiseren van deze beurs vond Bergsma haar partner in Leve de Leafde, weddingplanner en ceremoniemeester. De startende onderneming Leve de Leafde wil de liefde vieren door te adviseren, ondersteunen en jullie droombruiloft te organiseren. De trouwbeurs is een mooie aftrap voor het jonge bedrijf en tevens voor het nieuwe trouwseizoen voor bruidsexperts uit de nabije omgeving. Alle deelnemende bedrijven presenteren op hun eigen wijze hun expertise op het gebied van trouwen. Zo presenteren onder andere PM mannenmode uit Franeker en Bruidsatelier Jadau uit Sneek hun collectie tijdens een modeshow. Daarnaast vertoont Barbershop Jochems live zijn behandelingen, zoals het authentieke scheren. Ook zijn er experts op het gebied van onder andere sieraden, aankleding, fotografie, beauty en bloemstukken. Dit gebeurt allemaal onder muzikale begeleiding van band Smûk en de dj’s van Superbruiloft.nl. De naastgelegen Martinikerk is speciaal ter gelegenheid van deze trouwbeurs geopend voor publiek, waar vocaal kwartet Qlassy haar warme klanken ten gehore brengt. Alle praktische informatie en deelnemers zijn te vinden op: www.levedeleafde.nl/trouwbeurs



Opfrysker Der binne in stik as wat wurden dy’t in soad op inoar lykje, mar krekt wat oars betsjutte. Benammen Út namme fan Nammers Nam(mer)ste Nammentlik

-

Met name, vooral Uit naam van, namens Trouwens Des te Namelijk

Foarbylden: De bern binne hjoed drok, benammen Jan en Pyt.

De kinderen zijn vandaag druk, vooral Jan en Piet.

De foarsitter spruts út namme fan it bestjoer de jubilaris ta.

De voorzitter sprak uit naam van het bestuur de jubilaris toe.

Dat wisten wy nammers al lang.

Dat wisten wij trouwens al lang.

Wat djipper yn ‘e hjerst, nammerste koarter de dagen wurde.

Hoe dieper in de herfst, des te korter de dagen worden.

Fryslân hat alve stêden, nammentlik …

Fryslân heeft elf steden, namelijk …


It wurk fan…. Ruurd Visser Troch Marijke de Boer

It is 12 jannewaris as ik fia de sosjale media in filmke fan Ruurd tsjin kom wer hy drok mei syn wurk dwaande is. Op it filmke is yn in hiel rap tempo te sjen hoe Ruurd takken fan in grutte beam ôf seaget. Sa’t jim miskien wol foarstelle kinne is it net in filmke wat ik alle dagen op myn sosjale media foar by sjoch kommen, wat der foar soarget dat it gelyk myn folle oandacht hat. Hoe tafallich is it dan, dat je sûnt in wike witte dat je oan de slach sille mei in nije kollum foar yn ’e doarpskrante, mei as tema; It wurk fan…! It wie dan ek net hiel muoilik om te betinken wa ik foar dizze nije kollum as earste freegje moast. “Klinkt leuk!” is it antwurd dat ik krij, wannear ik Ruurd freegje at ik ek in kear lâns komme mei. In ôfspraak wie sa makke en sadwaande sitte we twa dagen letter al oan ’e keukentafel, foar dit ynterview. Opliedingstrajekt Ruurd (24) wennet oan ’e Wynserdyk. Hy fertelt dat der it fan jongs ôf oan moai fynt om bûten yn ’e natuer dwaande te wêzen. At der nei de middelbere skoalle in kar meitsje moat foar in ferfolchoplieding, is it net hiel frjemd dat der kiest foar de oplieding Bosk & natuerbehear. “Yn dizze oplieding ha ik de basiskennis oer de bosk en de natuergebieten leart. Al gau waar dúdlik dat ik de kennis en feardichheden foaral leare moast fan út de praktyk.


Sa ha ik staazje run bij it steatsboskbehear, wêr ik foar it earst yn ’e kunde kaam mei it roaien fan beammen, it fersoargjen derfan en de boskbou. Om’t ik it roaien fan de beammen foaral hiel moai wurk fûn, wie ik der al gau oer út om dêr myn oandacht op te festigjen en dêr echt myn wurk fan te meitsjen. Foardat ik dit wurk echt dwaan mocht, wie it nedich om it VCA diploma te beheljen”. De wurksumheden De earste twa jier is Ruurd wurksum foar it bedriuw; Boomrooierij Terpstra, te Furdgum. At hij foar in oar bedriuw oan ’e slach gean sil, jout die baas oan dat der eins allinnich mar oan ’e slach kin as ZZP’er. “Sels hie ik dit oars nea by it ein hân, mar úteinlik soarget dit der wol foar dat ik de stap set om as selsstandige oan ’e slach te gean. Undertusken wurkje ik no al wer sa’n trije jier foar mysels. Dit befalt mij goed. De wurksumheden binne hiel wikseljend & besteane benammen út it fuort helje fan beammen (soms hiele bosken), hout fuort helje, it beklimmen fan de beammen; sadat we de beammen kappe, snoeie of felle kinne. Ek plantsje we wol nije beammen. De wurksumheden wurde eins altyd tegearre of mei meardere út fiert”. It gearwurkingsproses tusken de kraanmasinist en de seager is foaral foar de feilichheid hiel wichtich. “Foardat we op it plak fan bestimming binne, moatten we somtiden hiel wat kilometers rinne. In wurkdei begjint rûn in oer as 7 en ik wurkje troch oant in oer as 4/healwei 5en. Ik wurkje fiif dagen yn ’e wike. Meastentiids wurkje ik yn Fryslân, Drinte en Gelderlân”. “Yn ferbân mei it briedseizoen, meie we yn Nederlân fan 15 maart oant en mei 15 july net yn it bosk wurkje. Yn Dútslân binne die regels minder strang en dat is dan ek de reden, dat ik yn die perioade faaks dêr oan ’e slach gean of dat ik my dwaande hâld mei oare wurksumheden, sa as it pleatsen fan walbeschoeiing en it heien fan peallen.”


Leuke en minder leuke kanten fan it wurk Oan de manier wêrop Ruurd fertelt, is te merken dat dit wurk hielendal syn ding is. At ik oan him freegje wat der it allermoaiste oan syn wurk fynt, hoeft der net lang nei te tinken. “No’t ik eigen baas bin fyn ik de frijheid dy’t ik dertroch krigen ha it allermoaiste oan myn wurk. Sa is der eins noait kontrôle en wurkje we fan út elkoars fertrouwen. Ek it bûten wêze yn ’e natuer, it wurkjen mei de masines en it beklimmen fan de beammen, wat boppedat myn spesjaliteit is, makket dat ik myn wurk hiel moai fyn om te dwaan. In neidiel oan dit wurk iis dat ik ferplicht bin om in helm, seachbroek en wurkskuon te dragen. Dit binne swiere klean, wat ik eltse dei mei drage moat en wat foaral simmers hiel waarm is. Dochs is it wol begryplik dat dit ferplicht is, omdat it dochs wol in gefaarlik berop is. Wat fierders in neidiel is, is dat der simmers dochs wol wat minder wurk is en it elk jier wol wer efkes in útdaging is om de simmer troch te kommen”.


Ambysjes/takomst “Trochdat it dochs wol in swier berop is, hâlde de measten it fol oan ’t se in jier as 30 binne. Sels hoopje ik dit wurk sa lang mooglik fol te hâlden. Fierders hoop ik dat de wurkgelegenheid goed bliuwt. Troch de stikstofkrisis sjochst dochs wol dat de minsken huverich binne om beammen fuort te heljen en it leafst yn in griene omjouwing libje. Sa merk ik foaral dat der minder beammen op grutte skaal fuort helle wurde. “ “Om foar in griene omjouwing te behâlden, ha de measte opdrachtjouwers te meitsjen mei werom plant plicht. 10% fan it oantal beammen dat fuort helle is, moat yn elts gefal wer werom plante wurde”. Bysûndere mominten “Yn myn wurk merk ik regelmjittich dat beammen foar minsken in bepaalde emosjonele en/of kulturele waarde ha kin. Dit soarget soms foar hiele bysûndere mominten. Sa ha ik meardere kearen mei makke dat minsken yn protest gean, kettingen om de beam hinne dogge, of oare gekke taferelen úthelje om te foarkommen dat de beammen fuort helje wurde. Somtiden giet dit echt hiel fier”. Ta beslút Troch dit ynterview waard my al gau dúdlik dat dit echt in berop is wêr ’t je sterk foar wêze moatte en dit wurk allinnich mar dwaan kinne at je gjin hichtefrees ha. Ek is in goeie kondysje, trochsettingsfermogen, it goeie materiaal, ynsicht, kennis en ûnderfining net oerstallich. Oan’t einde stel ik oan Ruurd noch de fraach, wannear we syn help yn skeakelje kinne? Hy lit witte; dat at der takken yn it paad hingje, beammen foar oerlêst soargje, beammen op ’e nij plante wurde of fragen ha oer in beam, jimme by Boom- en bostechniek Visser oan ’t goeie adres binne.


Fizel

D R O G I ST E R I J - PA R F U M E R I E

TERP 52, 8731 BA WOMMELS TELEFOON 0515 333 210


Even voorstellen…. Ingezonden

Beste dorpsbewoners, Mijn naam is Maikel van Dinther en samen met mijn vrouw en zoon, zijn we per 16 oktober verhuisd naar Easterein. We voelden ons gelijk fijn in dit dorp en waren ook heel vriendelijk benaderd door onze buren. Mijn zoon is drie jaar en gaat dus al naar Kidsfirst speelzaal bij de voetbalveld. Na de zomervakantie gaat hij dus ook naar de basisschool hier in Easterein. Mijn vrouw Rika van Dinther is huismoeder en ik werk op het moment niet, al ben ik wel actief bezig in vrijwilligerswerk. Vooral in de zomer. Ongeacht dat we het fijn hebben hier in Easterein, waren er toch bewoners die het nodig vonden om te roddelen over mij en mijn gezin, dit vanwege mijn levensstijl. Handhaving is namelijk bij ons geweest. Niet om ons te wijzen hoe wij leven in onze huis, dat bepalen we nog altijd zelf. Maar juist om meer af te schermen qua Facebook. Nu heb ik dit wel gedaan, maar toch, als men mijn naam op Google klikt, dan vind je ook een krantenartikel van mij. Nu heeft ieder wel snel een oordeel klaar, maar in plaatst te gaan roddelen of achter ons rug om naar de handhaving te gaan, kun je er ook voor kiezen om gewoon bij ons aan te bellen. Ik neem aan dat niemand het fijn vindt dat men achter je rug om gaat roddelen en vooral niet naar de handhaving te gaan. Hier is ook een bekende spreekwoord voor... Wat gij niet wilt dat u geschiedt, doe dat ook een ander niet. Als men zich ergens zorgen om maakt of men wil hun mening zeggen, dan moet dit gewoon kunnen. We leven in een vrije land. Dus ik wil alle bewoners wel vriendelijk vragen, om niet te snel te oordelen en als er iets is dat je niet begrijpt, bel gewoon aan en ik zet graag een kopje thee klaar. Nu dat ik dit artikel hier plaats, wil ik ook gebruik nemen om mijn excuses te bieden qua het programma Nextdoor. Ik had de uitnodigingskaarten met goeie bedoeling verstuurt, maar achteraf is gebleken dat Nextdoor geen veilige programma is en mogelijke identiteitsfraude pleegt. Ik adviseer ieder ook je account te deactiveren en nogmaals mijn excuses. Met vriendelijke groet, Maikel, Rika en Rivano van Dinther


De Pinne: Even voorstellen wie ik ben Mijn naam is Mehamed Ibrahim. In 2015 ben ik naar Nederland gekomen. Ik kom van oorsprong uit Afrika, ben geboren in Kasala te Sudan en opgegroeid in Keren te Eritrea. In 2016 had ik de mazzel om een woning op de Streek 1 toegewezen te krijgen. De Streek is, denk ik, het kleinste straatje van Easterein. Lastige klinkers Toen ik hier kwam wonen ben ik begonnen met inburgeringslessen om kennis te maken met de Nederlandse maatschappij en zo de Nederlandse taal te leren. De Nederlandse taal is moeilijk qua grammatica, maar vooral ook alle klinkers als a, e en u bijvoorbeeld, of nog erger de combinaties daarvan, als oe en ui enzovoort. Ik geniet van de vrijheid in Nederland en van de rust in Easterein. Ik ben opgegroeid in de stad, dus wel wat drukker dan het dorp Easterein. Stage bij Theo Ik heb vrijwilligerswerk gedaan bij Vluchtelingenwerk en bij Sneek Connect. Ook heb ik gewerkt voor Lokaal55 bij de Rabobank SW-Fryslân. Uiteindelijk heb ik besloten een opleiding in de techniek te volgen en ben ik


begonnen met de entreeopleiding voor installatietechniek. Inmiddels heb ik mijn MBO niveau I gehaald. Daarvoor heb ik stage gelopen bij Installatiebedrijf De Jong, hier op de Fabrykswei. Nu volg ik een BBL-traject op niveau II op het Friesland College in Leeuwarden. St Maarten? Easterein is een muzikaal dorp. Ik vind het leuk om naar de Bluescruise en bijvoorbeeld de Band Smûk in café Bergsma te gaan, maar ook Easterein Rocks of andere muziekevenementen. Onlangs heb ik bij vrienden een surpriseavond gehad, in het kader van het Sinterklaasfeest. Heel leuk. Het feest van Sint-Maarten was wennen. Aanvankelijk gaf ik de kinderen als ze gezongen hadden geld, maar het jaar daarop kwamen er extra kinderen en heb ik het toch maar anders aangepakt. Lekker ite mei Mehammed Ook kook ik graag Arabisch en maak ik gerechten als kofta, mandie of kebab en geniet ik van lekker en gezond eten. In Afrika heb ik een eigen onderneming gehad in het kappersvak en ook nu komen er vrienden langs die speciaal door mij geknipt willen worden. Zelf ga ik naar de Afrikaanse kapper in Groningen of Bolsward. De komende maanden wil ik verder met de inrichting van mijn huis en wil ik graag gaan reizen door Nederland en verder de wereld in.

‫ ابيرق كارا‬/ Oant Sjen!

Ut de húshâlding fan... Oplossing Dizze kear in foto út de húshâlding fan de famylje Stoffelsma. Siep, Miriam, Edwin, Rick en Nellie



Snypsnaren wurdt.... Yn en om Easterein Troch Jan Hiemstra

Foar hiel wat minsken is der neat moaiers as sa no en dan it fotoboek út de kast te heljen. Dat wol ik ek dwaan om yn de kommende ôfleveringen fan dit Doarpskrantsje ien of mear foto ’s út dit boek ôf te printsjen en it ‘ferhaal’ dêrby te fertellen. Ik begjin mei twa foto ’s fan in gebou der ’t de measte Eastereiners tusken 1892 en 1953 in grut part fan harren tiid trochbrocht ha: de kristlike skoalle. Ik begjin mei opset sin mei foto út plm. 1949 fan de heechste klassen mei master A.Y. Kornelis as ûnderwizer. It giet yn dit gefal net om de bern dy ’t derop steane, mar om it gebou. Mar ik kin samar sa wêze dat der op syn minst ien Eastereiner is dy ’t him of har werkend. De Kristlike skoalle

De bern steane foar it skoalhûs en it ‘ôfdak’ dat jimme rjochts sjogge is de waranda. Dy waranda stie op izeren peallen, dy ’t der no noch binne en de peallen ûnder de lampen om it tsjerkhôf foarmje. De izeren peallen wiene


mei stangen ferbûn en dy waarden foaral troch de lytse famkes brûkt om op ‘e búk om hinne te draaien. Oan de foar- en de efterkant sieten de doarren nei de gong mei de kapstokken en de klompebakken. Yn myn tiid lei der op it skoalplein grint, mar dat sil dêrfoar sûnder mis skil (fynmakke skulpen) west ha. Wy neamden dit plein oan de Achterbuorren dan ek it skoalplein. School met den bijbel Dat it in kolossaal gebou wie docht bliken út de beide foto‘s. It wie fierwei de grutste skoalle yn de fiere omkriten. Op de earste foto sitte boppe yn it midden (de westkant) twa ynmitsele stiennen. Op linker stiet SCHOOL MET en op de rjochter DEN BIJBEL. Dan wisten je mar wer ’t je oan ta wiene! Gongen je oan de linkerkant de hoeke om dan kamen je oan de noardkant fan de skoalle.

Skoallen waarden yn dy tiid meastal sa boud dat de kant fan de ruten net oan de sinnige kant siet, faaks op de noardkant. Je sjogge dan fjouwer kear trije ruten, mei in fersiering yn it mitselwurk derûnder en derboppe. De ûnderste ruten wiene fan matglês en de boppeste koene iepen. Dat wie mei in 35 à 40 learlingen yn it lokaal, ferdield oer twa klassen meastal ek wol nedich. De skoalle is as in fjouwer- lokalige skoalle boud. It fierste lokaal waard yn it begjin fan de 19e iuw al foar beukers brûkt en dêr wiene se yn Easterein betiid mei.


It hokje rjochts efter de iene persoan hat wol in hiel bysûndere bedoeling. It is it ‘pishokje’, it iepenbiere toilet, foar manlju. It izeren stek links stie foar in eardere skoalle en foar de skoalle rint in paadsje fan giele stientsjes nei it letter oanleine sânbak.

OPROP: Neiskrift Binne der minsken yn it doarp of oaren dy ’t nijsgjirrige foto ’s oer Easterein ha dan soe ik dy graach yn brûklien ha wolle om se yn te skennen. Dan soene wy hjir noch jierren mei trochgean kinne en in moai fotoboek fan en foar Eastereiners meitsje kinne. Nim kontakt mei my op oer de mail: hiemstra.j1943@gmail.com

Alle Eastereiners op ’e foto: It Skilplein

Mieke vd Kamp en hún Elske, Bernadette van Bleek, Jellie Westerhuis, Cary en Rendy Mulder, Egbert en Houkje de Vries, Johannes Huitema en Franca Rijpma en Jasper, Dick en Greetje de Ruiter, Grietjes Lyclkema, Simon Paul Strikwerda, Halbe Huitema en Gerben van Snits.



Ut de âlde doaze: kleuterskoalle Vrijburg De foto mei de bern is makke rûn 1964.

Op de winterfoto sjogge jimme de kleuterskoalle op de Vrijburg. Dizze foto is makke yn de winter fan 1971. De skoalle is boud yn 1970 en sluten yn 1989. Letter waard it in wenhûs. Roel Nauta, molkboer SRV, wenne hjir fan 1990-1996. No wenje sûnt 1996 Jan Reze en Johanna Hooiveld hjir.

De foto mei de twa mannen is fan 1969/ 1970. Wa dizze minsken en bern binne, is net by de redaksje bekend. Hat immen in idee?


Op reis nei... Suriname

Troch Ype, Elly, Tjeerd en Mattie De keuze is reuze Febrewaris 2019 binne we foar in ôfspraak nei it reisburo yn Frjentsjer gongen. Se ha ûnder oare foar ús yn oktober 2018 in hiele moaie rûnreis troch Skotlân regele en no woenen we wol in waarme/sinnige reis meitsje. Wêr hinne stie foar ús noch hielendal iepen. We tochten sa oan maksimaal 6 oeren fleanen. Pratende wei en mei allegearre opsjes sa as: Canarische eilannen, Gambia, Kaapverdise eilannen, Dubai en kamen we al gau rjochting Kurasao en sa út. Dat wie alwer wat fierder fleanen. Suriname?? Jeanet fan it reisburo hearde it allegearre ris wat oan en stelde foar om ris nei te tinken oer Suriname….. Sy hie der krekt west en woe ús wol ris wat sjen litte…. Suriname kaam no net direkt by ús op mar we waarden wol entûsjast troch har ferhalen en ……de moaie temperatueren dêr; dei en nacht sa’n 30 graden. It soe no wol 9 oeren fleanen wêze mar dêr stapten we gau oer hinne. Jeanet hat foar ús in reis yn oarder makke dy we yn de 11 dagen dy’t we frij hienen dwaan koenen. Nei goed twa oeren op it reisburo te sitten, stapten we wer nei bûten en kaam it besef pas echt. Suriname?? Dêr hienen we hielendal noait oer neitocht… en letter yn de tiid as we fertelden dat we nei Suriname soenen wiene de minsken ek hiel ferwûndere. Wol kamen we in pear stel tsjin dy’t der ek wol ris west ha en die fertelden hiel entûsjast oer harren reis nei Suriname. Dus we krigen der wol sin oan en soenen it beleve. En doe wie it safier Op 17 oktober wie it safier, moarns 11.15 oere fleane mei de KLM fan ôf Schiphol. Nei wat opûnthâld yn de loft boppe Suriname, fanwege ûnwaar, kamen we in oere as 4 yn de middei op it fleanfjild oan. By de dûane duorre it al hiel lang, we koene gelyk in bytsje wenne oan de temperatuer en it wurktempo dêr. Neidat we de koffers fûn hiene, binne we yn in buske stapt en waarden we nei Paramaribo brocht. It wie noch moai ljocht en sa koenen we al wat sjen fan de natuer en de earmoede yn Suriname. Gelyk op ‘e fyts We sliepten jûns yn it Toraricahotel yn Paramaribo en waarden de oare moarns ophelle mei in buske om ús by de fytsferhierder te bringen. Us koffer koe yn it hotel bliuwe en mei in rêchsek mei ynhâld foar trije dagen gongen we op paad.


We krigen fytsen mei fan de NOC/NSF. De eigner hie dizze fytsen opkocht nei ien fan de Olympyske Spelen. Wy op paad troch Paramaribo nei Leonsberg om dêr mei in boat oer de Surinamerivier te gean om yn Nieuw Amsterdam te kommen. Dêr ha we in besite brocht oan it iepenloftmuseum Fort Nieuw Amsterdam.

We krigen doe al wat in byld oer wat der eartiids allegearre bard is mei de slavehandel yn Suriname. As Nederlander fielden we ús betiden suver wat ûngemaklik. Fan út de hiele wrâld binne minsken nei Suriname brocht en slaaf makke om dêr te wurkjen op de plantaazjes. En dat it dêr dan net altyd like freonlik oan ta gong is wol bekend…. Gekke Hollanders... Noch ûnder de yndruk fan alles binne we wer fierder fyts nei Mariënburg. Dit wie wol hiel dreech op it hytst fan de dei en yn de felle sinne. De Surinamers skodhollen ek alris as we del fytsten. Mar we ha it rêden en binne yn Mariënburg wer op it boat stapt mei de fytsen en doe binne we oer de Commewijnerivier brocht nei in âlde plantaazje: Rust en werk. Dêr ha we earst mar ris even in skoft yn it skaad sitten om te bekommen foardat we fierder ûnderweis gongen nei de plantaazje fan Frederiksdorp wêr we twa nachten oernachtsje soenen. Nei noch in lytse stop fanwege in stevige


tongerbui mei in protte wetter, binne we wer op paad gongen. Oer hiele lytse paadsjes en gjin idee wêr we belânje soenen kamen we troch doarpkes mei lytse hutsjes en soms samar in winkeltsje, op in gegeven momint oan op de plantaazje fan Frederiksdorp. Dêr waarden we hiel hertlik ûntfongen en binne we nei ús cabin brocht wêr we de kommende nachten sliepe koenen. Oernachtsje neist kaaimannen In lyts houten húske op balken. Dat dit foar it ûngedierte wie kamen we al gau efter. Yn de brûs seagen we regelmjittich lytse kikerkes en salamanderkes krûpten bûten op it terras om. Dizze libje allegearre yn de moerassige grûn wêr no de âlde plantaazjes út bestean. Yn in sleat neist de cabins libben ek kaaimannen mar dy ha we net sjoen.

De folgjende trije dagen ha we hiel wat heard en sjoen oer de âlde sûkerplantaazje fan Frederiksdorp. Alde wenningen fan de eigeners en handelers stean der noch en binne wer opknapt. We ha mei in gids dêr yn sjoen en mei de ferhalen die hy fertelde ha we in byld krigen wat der allegearre barde op de plantaazjes. We skammen ús suver foar ús foarâlders dy de minsken hjir allegearre brocht ha út de ferskate lânen. We binne ek mei in boat de ‘swamp’


yn west om in byld te krijen hoe grut de plantaazjes eins binne. Allegearre 150 meter breed mar sommigen wol kilometers lang oant de oseaan ta. Oer op de auto De tredde dei binne we wer op de boat stapt mei de fytsen en ha we ús rjochtstreeks nei Leonsberg bringe litten. Underweis ha we noch dolfinen spotten dy’t libje yn de rivier. De fytsen ha we ynlevere en nei wer in hearlike nacht yn it hotel ha we oare dei foar twa dagen in auto hierd. We binne doe nei it westen ta riden. De diken binne soms hiel goed mar dan ynienen wer hiel min…. Grutte gatten en omdat it krek wer even reint hie koenen we dat net altyd goed sjen. Nei in reis fan 5 oeren kamen we yn Nickerie oan. Dit is de twadde grutte stêd fan Suriname. Nei in nacht sliepen binne we de oare dei nei de Bigi Pan riden. Dat is in natuerreservaat wêr je mei in boat yngean, wêr sa no en dan de fisken ynsprongen ûnderweis, en je de moaiste fûgels en kaaimannen sjen kinne. Wat in skitterjend gebied wie dit. Foaral de reade ibis hat in protte yndruk makke. We ha ek in kaaiman fan tichtby sjen kinnen. Dizze wie syn sturt kwyt en koe no net safolle. It skynt dat die wol wer oan groeit. Midden op it mar binne lodges en dêr ha we in lekkere lunch krigen. Ek wer in bysûndere ûnderfining.


Paramaribo En doe mar wer op nei Paramaribo en de auto ynlevere. Yn Paramaribo ha we noch op it plak stien wêr de desimbermoarden plege binne en de moaie palmentún besjoen. De wenningen binne wol aardich suterich mar se binne dwaande om guon wenningen wer op te knappen. Dêrtroch sjochst âld en nij ticht byelkoar stean. Nei wer in lekkere nacht yn it hotel binne we de oare moarns ophelle mei in buske foar ús lêste trip. Earst in oantal oeren mei de bus de binnenlannen yn en op in gegeven momint hâldt de dyk op en koenen we yn houten boaten (korjaals) stappe om de reis fierder te dwaan oer de Suriname rivier. Dit giet mei in rotgang lâns hiele grutte rotspartijen. Oan de wâlskanten sjogge je allegearre lytse doarpkes en hoe de minsken dêr libje. Dit binne de minsken wêrfan de foarâlders eartiids flechten binne fan de plantaazjes en de bosken yn gongen en no harren libben lâns de rivier opboud hawwe.

Oankaam op Dan Paati, in lyts eilantsje yn de rivier, waarden we wolkom songen troch de froulju en krigen we ús lodge te sjen. In houten húske mei in bêd deryn mei in klamboe en in húske en mei in brûs mei kâld wetter. Mar omdat it altyd om en ‘e by 30 graden is yn Suriname is dat hielendal net ferfelend.


Wat in yndrukken! We ha dizze dagen fan alles dien: swimme yn de streamfersnelling fan de rivier, in besite brocht oan in museum, in doarp en skoalle besocht. Yn de nacht yn in boat de rivier op syk nei kaaimannen, stikken rinne troch de bosken en dêr fan alles sjoen bygelyks in giftige Tarantula. Moarns 6.30 oere hearden we de boatsjes mei de skoalbern delkommen dy’t nei de skoallen brocht waarden. Der fleagen aapkes troch de beammen om ús hinne. De lêste jûn ha we in optreden sjoen fan tradisjonele dûnsen en sang fan de froulju dy’t yn de doarpkes libje. Fan it jild wat de toeristen útjouwe yn Dan Paati wurde skoallen ûnderhâlden en opfang fersoarge foar de âlderen. De froulju wurkje op de lodges en meitsje it iten trije kear deis klear. De manlju binne gidsen en gean mei de toeristen op paad. Sa wurde se der allegearre better fan. It moaiste fan de fakânsje It is moai om te sjen hoe grutsk de minsken binne op wat se berikt ha neidat harren foarâlders de bosken yngongen binne. Se ferbouwe eins ek allinnich wat se nedich ha en binne dêr tefreden mei. De bern leare Nederlânsk op de skoaltsjes. Se gean dêrnei nei Paramaribo om te studearen mar de measten komme werom om harren libben yn de doarpkes fierder te setten. Wat wie dat moai om te sjen….. Dit wie foar ús wol it moaiste stikje fan de fakânsje en wat ha we genoaten. Nei twa dagen binne we wer yn de boat stapt en werom fearn. It wetter op de Surinamerivier wie noch mear sakke sadat we ûnderweis wolris útstappe moasten en in ein rinne moasten sadat de boat allinnich troch bepaalde stikken moast mei de bestjoerder. We ha noch ien nacht yn it hotel sliept en de lêste moarn noch in merk besocht en yn it swimbad lein. En doe wer op nei hûs. Tink ris oan Suriname! As jim nochris in moaie reis meitsje wolle tink dan ek ris nei oan Suriname. Wy soenen allegearre wol werom wolle mar der is op de wrâld noch in hiel protte moais te sjen fansels.



De koksmûtse: Witte chocolademoussetaart Door Annebeth de Jong

Ingrediënten • 150 gr digestive biscuits • 200 gr blanke hazelnoten • 100 gr roomboter • 360 gr witte chocolade • 500 ml slagroom • 5 el poedersuiker

Benodigdheden: Bakvorm

(ik gebruikte 250 gr biscuits, 100 gr roomboter, 290 gr witte chocolade, 400 ml slagroom en wat nougatine om over de taart te strooien)

Bereiding • Bekleed de bodem van een bakvorm met bakpapier en vet de randen in met wat roomboter. • Vermaal de digestive biscuitjes samen met 100 gram van de hazelnoten in een keukenmachine. • Smelt de rest van de roomboter in een pannetje en voeg dit toe aan de verkruimelde biscuitjes en hazelnoten. • Roer goed door en verdeel het mengsel over de bodem van de springvorm. Druk goed aan en zet hem dan in de koelkast om op te stijven. • Smelt de witte chocolade au bain-marie (in een kommetje boven een pan met kokend water). Laat de witte chocolade iets afkoelen. • Klop ondertussen de slagroom stijf. • Spatel de gesmolten witte chocolade door de opgeklopte slagroom en meng tot een egale mousse. • Verdeel je mousse over de koekbodem en zet de springvorm weer terug in de koelkast. Laat de taart nu zo'n 4 uur in de koelkast staan om op te stijven. • Verwarm de oven voor op 200 graden. • Leg de rest van de hazelnoten op een met bakpapier beklede bakplaat en bestrooi ze met de poedersuiker. • Rooster de hazelnoten zo'n 15 minuten in de oven. Schep zo nu en dan om. • Wanneer de poedersuiker lichtbruin gekleurd is haal je de noten uit de oven. Laat even afkoelen en hak de noten vervolgens grof. • Haal de taart uit de koelkast, verdeel tenslotte de fijngehakte hazelnoten over de bovenkant van de taart en snijd hem aan. Bron: boekje Chicks love food ‘feest’

Lekker ite!


Bernehoekje

Troch Froukje Dijkstra

1

= swart

2

= read

3

= oranje

4

= brún

5

= blau



nieuwsgierig

kansen. Welkom bij van der Eems.

VA N D ER EEM S . N L E A S T ER EI N / HEER EN V EEN


Millions discover their favorite reads on issuu every month.

Give your content the digital home it deserves. Get it to any device in seconds.