Page 1

EASTEREIN april 2020

DOARPSKRANTSJE


Couperus Hydrauliek uw specialist voor hydraulische systemen, aandrijftechniek en machinebouw.

Kwaliteit staat bij ons voorop. Onze uitstekende dienstverlening, de persoonlijke aandacht voor elke klant en het meedenken in een oplossing in de technieken die afhankelijk zijn van oliedruk, zijn daarvoor het bewijs. Wij zijn dan ook snel in staat om op een vakkundige manier storingen te verhelpen, reparaties uit te voeren of nieuwe machines voor u te ontwikkelen. Wij leveren onder andere de aggregaten en machines voor bijvoorbeeld de kunststofindustrie, destructiebedrijven, papierverwerkende industrie, landbouw en de scheepvaart. Daarnaast bouwt Couperus Hydrauliek ook eigen machines. Zo hebben wij ervaring met het bouwen van: • Miniheistellingen• JPL-Persen • Plamuurpersen • Krammenpersen • Palenkrakers • Kielklemmen Door de steeds strenger wordende regelgeving omtrent veiligheid en milieu, leveren wij CE gekeurde systemen en machines. Dit geeft u dus de zekerheid dat u een goed product koopt bij een deskundige en betrouwbare leverancier.

Couperus Hydrauliek BV | Fabrykswei 9 | 8734 HV te Easterein info@couperushydrauliek.nl | T 0515-332288 | F 0515-331640


Kolofon

Nûmer 4 – April 2020 Redaksje: Bauke de Boer Marijke de Boer Paul David Meesters Nathalie Oliveiro

Abe Sjipkop

Webside Easterein.nl: info@easterein.nl Twitter: @easterein_frl Facebook: Fraach&oanbod&sa

Abe Sjipkop is in mantsje mei twa fuotsjes en twa hantsjes, mei in broekje en in jaske in bûsgroentsje en in daske Ja, fan efteren en fan foaren is er krekt allyk as oaren. Mar syn holle is in sjipkop en dy sjipkop sit fol sjipsop. Sjocht er bern, dan ropt er: “Hei! Binn’ der smoarge earen by? Smoarge hantsjes, smoarge noas? Hjir! dan lear ik jim wol oars!” En dan poetst er en dan bjint er al de smoarge plakken skjin, en dy bern mar gûle en raze, hwant it giet har net nei ’t sin.

Advertinsje? Mail nei doarpskrante@easterein.nl

Smoarge berntsjes, pas mar op! Foar dy Abe mei syn kop.

Einredaksje: Amarins de Haan Foto foarside: Willy Sybesma Opmaak: Froukje Dijkstra Printwurk: Drukkerij Van der Eems Kopij Doarpskrantsje: doarpskrante@easterein.nl as by Nathalie Oliveiro, Dobbelân 7

Rekkennûmer: NL70 RABO 0349 5017 26 û.f.f. Doarpskrante De redaksje fan de Doarpskrante stelt har net oanspraaklik foar de ynhâld fan ynstjoerde stikken. De redaksje behâldt har it rjocht foar om artikels yn te koartsjen of mooglik te redigearren. Troch it ynstjoeren fan tekst- as beeldmateriaal jouwe jo tastimming foar it fermannichfâldigjen hjirfan.

Kopijdatum: Woansdei 22 april



Doarpsaginda April 08 april

07:30-08:30

Grize container

09-12 april

09:00-12:00

Ald papier Wilhelmina We freegje de minsken sels it âld papier by de kontener te bringen. Dit kin tongersdei 9 april, 9.00 oere - sneon 12 april, 12.00 oere

15 april

07:30-08:30

Griene container

22 april

07:30-08:30

Grize container Lêste ynleverdei kopij Doarpskrante

29 april

07:30-08:30

Griene container

Maaie 06 maaie

07:30-08:30

Grize container

Dizze ynformaasje komt fan easterein.nl en út de mailtsjes dy’t wy krije. Ha jo ek wat foar de doarpsaginda? Mail it dan nei doarpskrante@easterein.nl

Fuort Mar Los Troch de maatregels fan de regearing wat it coronofirus oangiet, ha wy besletten de ledegearkomste fan Fuort Mar Los te ferskowen nei septimber. It bestjoer fan toanielferiening Fuort Mar Los is driuwend op syk nei nije bestjoersleden... Wa komt ús team fersterkjen? Fan herte wolkom! Mear ynformaasje by Baukje Stavinga as ien fan de oare bestjoersleden.


0DDN MLM GH]H ]RPHU SODDWV YRRU HHQ YDNDQWLHYULHQGMH YLD (XURSD .LQGHUKXOS"

2RN GLW MDDU ]RHNW (XURSD .LQGHUKXOS PHQVHQ GLH HHQ NLQG RI PHHUGHUH NLQGHUHQ GH ]RPHU YDQ ]LMQ RI KDDU OHYHQ ZLOOHQ JHYHQ 1LHW GRRU YHUUH UHL]HQ PHW ]H WH PDNHQ RI GXUH FDGHDXV WH JHYHQ PDDU GRRU ]H VLPSHOZHJ RQGHUGHHO WH ODWHQ ]LMQ YDQ KHW JH]LQ HQ NLQG WH ODWHQ ]LMQ 1LHWV ELM]RQGHUV ZDQW ZDW YRRU MRX JHZRRQ LV LV YRRU KHQ DO ELM]RQGHU

3J NI RY NSRK SJ SYH FIRX IR EPPIIR SJ QIX IIR TEVXRIV [SSRX [MN ^SIOIR NSY ลพ+HE MH HHQ H[WUD EHG" (HQ SODDWVMH YULM DDQ GH WDIHO" (Q PLVVFKLHQ QRJ ZHO KHW EHODQJULMNVW GXUI MH MH KDUW RSHQ WH VWHOOHQ YRRU HHQ YDNDQWLHYULHQGMH XLW 1HGHUODQG %HOJLs 'XLWVODQG RI )UDQNULMN" 6WDDQ MH YDNDQWLHGDJHQ DO RPFLUNHOG LQ MH DJHQGD HQ PDWFKHQ ]H PHW HHQ YDQ RQ]H UHL]HQ" 0HOG MH DDQ HQ YHUULMN MH JH]LQ GH]H ]RPHU PHW HHQ YDNDQWLHYULHQGMH

3TIR NMN HMX NEEV NI HIYVIR [IIV ZSSV IIR ZEOERXMIZVMIRHNI ZME )YVSTE /MRHIVLYPT#วง 2IIQ GSRXEGX ST QIX 1EEMOI +VSIRIZIPH ZSSV QIIV MRJSVQEXMI (MX OER HSSV XIวง FIPPIR REEV ลพ SJ XI QEMPIR REEV ลพQEEMOI KVSIRIZIPH$IYVSTEOMRHIVLYPT RPลพ วง ;I LSVIR KVEEK ZER NI วง

วง )YVSTE /MRHIVLYPT LSSTX SSO HMX NEEV [IIV LSRHIVHIR OMRHIVIR HI ZEOERXMI ZER LYRวง PIZIR XI KIZIR QEEV HMX PYOX RMIX ^SRHIV Y[ LYPT วง วง

ลพ

วง วงวง

วงวง

วง วงวง

วง

วง วง

วง


Tige tank Tige tank foar al jimme oantinken, yn de foarm fan in blomke of in kaart, by Ăşs 50 jierrich houlik. It wie fantastysk!! Groet, Geert en Gadske Hiemstra

Grote actie voor de voedselbank Bolsward Op woensdag 20 mei houdt de diaconie een huis-aan-huis inzamelingsactie. Tussen 18.00 en 19.30 uur kunt u ons verwachten. Wij hopen van harte dat u weer meedoet. Hieronder vindt u een lijstje van geschikte producten: peulvruchten: bruine bonen, kapucijners rijst, spaghetti, macaroni koďŹƒe, thee, ontbijtkoek blikje smack, leverpastei zonnebloemolie toiletpapier, zeep, afwasmiddel, allesreiniger enz. Tot ziens op 20 mei!



Nijs fan de Oranjeferiening De jiergearkomste fan de oranjeferiening is west, Ruurd hat it bestjoer ferlitten nei 6 jier en Hendrik hat syn plakje yn naam. Keningsdei giet spitigernôch net troch y.f.m. it Coronavirus. We hiene tal fan aktiviteiten foar jim betocht, mar dy moat mar yn de iiskast foar takom jier. Ek de deadebetinking op 4 maaie giet om hjirboppe neamde reden net troch. Doarpsfeesten Dy binne tongersdei 25 juny en freed 26 juny. Lit we mei alle tastannen op dit momint mar hope dat de doarpsfeesten dit jier gewoan troch gean kin. We wit it op dit stuit echt noch net. Mar we hâlde moed! Dit jier ha we gjin tema!! Dus libje jim út!! It binne bysûndere tiden dus genôch ynspiraasje om der in moaie optocht fan te meitsjen as om jim te ferklaaien foar it matinee.

Ut de . ing fan.. húshâld e dit? Wa binn


It wurk fan… Akke Rixt Zijsling

Troch Marijke de Boer

As ik op tongersdei te jûn oan bel, wurd ik waarm wolkom hjitten troch Akke Rixt. Se is fernúvere dat ik harren hûs op ‘t Kleaster wit te finen. Wêr’t in folderwyk, ek al is’t in pear jier lyn, wol net goed foar is lis ik út. Akke Rixt fertelt dat se tegearre mei har freon Pieter en harren twa bern op ‘t Kleaster wennet. Se is nau belutsen by SDS, wêr’t se trainer en coach is fan it earste froulju team fan SDS. Wat de measten fêst net witte, ûnder oare ik sels, dat se neist dizze beuzichheden ek noch ris hiel moai wurk hat. En lit ik dêr no krekt foar lâns komme… Bij de fraach, wat foar wurk se krekt ducht, fertelt Akke Rixt dat se sûnt jannewaris 2019 begien is mei har eigen bedriuw ARZ coaching en ondersteuning. “Fan út myn bedriuw jou ik ambulante begelieding oan minsken mei in net-oanberne harsenletsel. In net-oanberne harsenletsel is in sammelnamme foar al it letsel oan ’e harsens dat ûntstien is nei de berte. Kist it sjen as in soart fan breuk yn ’e libbensline. In harsenletsel kin feroarsake wurde troch bygelyks in harsenblieding, harsentumor, hertstilstân as harsenfluesûntstekking. It is wat in minske samar oerkomme kin. Fan ôf dat momint feroaret harren libben folslein. De mjitte fan feroaring is by de iene mear as by de oare. Faaks bringe se de earst wiken of moannen troch yn it sikehûs of refalidaasje sintrum. As bliken docht dat se dêr as it wiere útbehannele binne, kinne se faaks wer werom nei de thús sitewaasje. Ienkear thús begjint eins harren libben wer hielendal op ’e nij en komme se der meastentiids efter dat der dochs wol in soad feroare is. It komt dan by in protte minsken foar dat se muoite hawwe mei bepaalde dingen en tsjin dingen oan rinne yn harren deistige libben. As soarchoanbieder fan Súdwest-Fryslân en de Fryske Marren, wêr’t de gemeenten myn opdrachtjouwers binne, kin ik se dan op it praktyske flak yn ’e thús sitewaasje ondersteuning en begelieding jaan. De mjitte fan begelieding en ondersteuning is ôfhinklik fan de helpfraach”. Opliedingstraject Nei de oplieding sosjaal pedagogyske helpferliening dy’t Akke Rixt folge hat op ’e CHN, te Ljouwert hat se in oantal jierren as ambulant begelieder wurke by Talant, wêr’t se minsken begelied mei in ferstanlike beheining. “Troch organisatoaryske redenen bin ik destiids by Talant fuort gien. Doe’t ik in fakatuere by


Noarderbrug seach om mei minsken te wurkjen mei in net-oanberne harsenletsel, wie ik ûntank dat ik gjin der gjin ûnderfining mei hie, gelyk entûsjast. Doe‘t ik ien kear oan ’t wurk wie fûn ik it fan ôf it begjin gelyk al in hiele bysûndere doelgroep om mei te wurkjen. It is dus eins poer tafol dat ik hjir mei yn ’e kunde kaam bin. Om’ t my sa goed foldie en graach mei dizze doelgroep wurkjen bliuwe woe en die mooglikheid bij Noarderbrug net mear hie, ha ik de stap setten om foar mysels te begjinnen. Om mij fjirder te ferdjipjen ha ik yn ‘t ferline meardere kursussen folge. Om’t net-oanberne harsenletsel best wol in yngewikkeld wêze kin, folgje ik ek no’t ik foar mysels wurkje regelmjittich kursussen en by-oplieding die’ t oer net-oanberne harsenletsel gean”. De wurksumheden Akke Rixt ferteld dat se in wurkdei eltse kear dwaande is mei ferskillende helpfragen, it opstellen fan in plan fan oanpak en siket nei oplossingen foar in probleem. Om ‘t eltse situaasje wer oars is, sjucht se der elke kear goed nei wat de kliïnt nedich hat en sels graach wol. Se leit oan mij út dat it foar minsken mei in net-oanboarren harsenletsel opmerklik is dat se neist de lichamelike gefolgen, hiel oar gedrach fertoane en der ek problemen ûnderfûn wurde op it gebied fan kommunikaasje, plannen en organisearjen, it ferwurkjen fan prikkels en it lestich fine harren administraasje op oarder te hâlden. “Fan út it plan fan oanpak help ik se benammen mei de praktyske saken, sa as de post en administraasje en it oanbringen fan struktuer yn ’e dei en wike. In foarbyld hjir fan is dat ik se help mei in geskikte deibesteging as frijwilligerswurk as se harren hjoeddeistige wurk net mear dwaan kinne. In wurkdei begjint fan út myn hûs, wer ik earst de administraasje en de mail by wurkje. Nei’ t ik alles bywurke ha gean ik op paad en riidt ik myn route. Ofhinklik fan de dei sjuch ik sa’n 3 as 4 kliïnten en jou ik oan in kliïnt sa’n 1 as 2 oeren begelieding. Wannear en hoe lang ik lâns komt, stim ik ôf mei de kliïnt. Trochdat de kliïnten ferspriede binne troch hiel Fryslân riidt ik op in dei aardich wat kilometers. Neist de reguliere wurksumheden stean ik nau yn kontakt mei de meiwurkers fan it gebiedsteam fan Súdwest-Fryslân, de Fryske Marren en mei oare selsstannigen dy’t ek mei dizze doelgroep wurkje. Hjir oerlis ik faaks mei. Sa ha we 1 kear yn ’e 6 wike supervisie, wer we situaasjes mei elkoar besprekke. Foaral foar lestige situaasjes is dit hiel handich, om’t je dan de ideeën hoe’t je yn bepaalde situaasjes it beste hannelje kinne mei elkoar útwikselje kinne”. Aardige en minder aardige kanten fan it wurk By de fraach wat se sels it moaiste oan har wurk fynt, is Akke Rixt har antwurd dat se de frijheid, de ôfwikselingen, it kontakt mei de minsken en de selsstannigens



dy‘t wurk mei harren mei bringt, har wurk sa moai makket. “It wurk jout my in foldien gefoel. Hielendal at minsken oan je witte litte dat se bliid binne mei de hânfetten en help die ‘t ik se jûn ha, je de mantelsoarch efkes ûntlêste kinne en at der doelen berikt wurde. De minder aardige kanten fan myn berop is dat ik regelmjittich te meitsjen ha mei situaasjes die ‘t hiel yngripend binne. Fan tichtby sjuch ik dat der folle fertriet oanwêzich is en dat minsken echt yn in rou proses sitte. Dit lit my net kâld. Hielendal as it om jongerein giet is dit soms hiel konfrontearjend. Gelokkich leare je der wol op in profesjonele wize mei om gean en is it just moai dat je dan wat betekenje kinne en sjogge dat minsken sa hurd knokke foar in sa’n optimaal mooglik herstel”. Ambysje/takomst “Foar my wie it earst bêst wol hiel spannend om as selsstannige oan ’e slach te gean. De earste pear moannen fielden dan ek hiel ûnwerklik. Dochs bin ik no hiel bliid mei dizze kar en mei ik hiel tefreden wêze hoe it no giet. Ik ha op it stuit noch wol wat romte en hoopje foar yn ’e takomst dat ik it dan noch wat drokker krij en dat ik dit wurk oer 5 jier ek noch dwaan kin. Wol fyn ik it belangryk om ek fleksibel te bliuwen foar de kliïnt en dat it foar mysels behapbaar bliuwt. Yn de takomst soe ik noch wer wol mear leare wolle oer harsenletsel. Ik fyn dit hiel ynteressant en hoopje de kennis en feardichheden dan ek hyltyd better yn’ e praktyk tapasse te kinnen. Op it gebied fan ûntwikkelingen hoopje dat at minsken it sikehûs of refalidaasje sintrum ferlitte meie dat der gelyk goeie begelieding opstarten wurde kin. Dit mis ik noch wolris en sjuch dat der soms skrinende situaasjes ûntstean binne, omdat minsken net gelyk de nedige help krije. Just de neisoarch is foar dizze doelgroep hiel belangryk en bin der fan oertsjûge dat dêr noch winst yn te beheljen is”. Ta beslút It waard my al gau dúdlik dat dit it wurkjen mei dizze doelgroep net samar wat is. Om it wurk goed út te kinne fieren is it wichtich dat je geduld hawwe, goed lústerje kinne en yn steat binne eltse kear wer te sykjen nei in oplossing. Untank dat eltsenien hopet dizze begelieding nea nedich te hawwen, is it moai om te witten dat dizze foarm fan begelieding en ondersteuning oant mooglikheden beheart en dan by Akke Rixt oan it goeie adres binne. Mear ynformaasje is te finen op www.arzcoaching.nl


Hoe is it no mei…. Janny Hofstee Op 23 augustus 1960 ben ik geboren op Skrok 1. Mijn gehele jeugd heb ik in Easterein doorgebracht. Ik was een kind dat graag buiten speelde. Na schooltijd polsstokspringen, kattenkwaad uithalen, in de speeltuin op Vrijburg… met plezier denk ik hieraan terug. Muziekles van Wijbenga in een zaaltje van Us Gebou. Ik leerde spelen op een hele oude Althoorn vol deuken. Daarna kon je bij het korps, waar ik een aantal jaren lid van ben geweest. Gymnastiek in het zaaltje naast de gereformeerde kerk. Jeugdclub, waar we leuke musicals instudeerden en opvoerden. Sjonge mei master Hingst De lagere school… juf Wijma, meester van der Zee, die zo mooi kon vertellen! In die tijd ging de klas in de lente met meester het land in om bloemen te zoeken, hiervan werd dan in de klas een bloemenlijst aangelegd. In de pauze knikkeren en elastiektwisten. Zingen van meester Hingst vond ik altijd een hoogtepunt in de week. Ik weet nog dat wij als meisjes van de zesde klas hem ter ere van zijn verjaardag een serenade hebben gebracht. We hebben toen ‘het Soldaatje’ van de Zangeres zonder Naam gezongen, dat stond toen in de hitparade. In die tijd is door meester Hingst meisjeskoor Greideklanken opgericht. Na de lagere school ging ik naar de Mavo in Wommels, daarna naar het Bogerman in Sneek. Oer Snits nei Skearnegoutum Daarna ben ik als voedingsassistente gaan werken in het Gereformeerd verpleeghuis in Sneek. Later is dat de Ielanen geworden. Toen ik 20 was verhuisde ik naar Sneek. Het was tijd om op mezelf te gaan wonen en ik had schoon genoeg van de ritjes op mijn oude Mobilette, vooral in de winter. Onderweg ben ik vaak met pech blijven staan. Intussen woon ik in Scharnegoutum en ben ik 33 jaar getrouwd met Yeme. We hebben een dochter van 31 en twee zoons van 29 en 23, waarvan de jongste zoon nog thuis woont. Op vrijdag passen we op de twee kleinkinderen van 2 jaar en 4 maanden waar wij erg van genieten.


Noch altyd sjonge Tegenwoordig werk ik in woonzorgcentrum Frittemahof in Sneek als woonondersteuner. Verder lees ik graag en kijk ik graag detectives en documentaires op televisie. Om in beweging te blijven wandel ik en ga ik eens per week naar yoga. Tot 2 jaar geleden zong ik bij koor Fjouwerlud in Itens, helaas is dat koor gestopt. Ik ben nog niet actief op zoek gegaan naar een ander koor, maar ik hoop het zingen in de toekomst toch weer op te kunnen pakken. Strân en wetter Als wij met vakantie gaan hebben wij het liefst een vakantiebestemming met strand en water. Een paar jaar geleden zijn we naar The Isle of Wight geweest, dat is een subtropisch eiland ten zuiden van Engeland. We gaan graag naar Terschelling, dat vinden wij één van de mooiste Waddeneilanden. Ik vind dat er in ons eigen land ook genoeg moois te zien is.

Tot zover mijn bijdrage! Een hartelijke groet aan iedereen.


Bergsma

Easterein

Restaurant-partycentrum Sibadawei 2, 8734 HE Easterein Telefoon: 0515 - 331290


Túntsjeleafhawwers fan Easterein, It foarjier komt der wer oan en de tún kin wer klearmakke wurde. Ha jimme sin en nocht om jimme eigen griente te ferbouwen, nim kontakt op mei de Túnbouw feriening Easterein en hier in stikje bougrún oan de skoallestrjitte. Opjaan by Sicco Scheltema tel. 0515 33 12 35 en Halbe Overal per mail: halbetineke@gmail.com


Yn en om Easterein (Nei Wommels) troch Jan Hiemstra

Woene je foar 1855 fan Easterein nei Wommels dan wie dat in omlânske reis. Je gongen earst rjochting Hidaard, dan tusken Okkema en Santema rjochtsôf en lâns de Ald Dyk mei de noadige ombochten nei Wommels. Uteinlik kamen je oan it begjin fan de Van Sminialeane is yn Wommels út. Easterein en Wommels leine in hiel ein út inoar, mar se sieten oant 1812 ta en fan 1816 ôf yn de gemeente Hinnaarderadiel. Tusken 1812 - 1816 bestiene der lykwols twa gemeenten, de gemeente Wommels en de gemeente Oosterend. Yn 1860 kaam der in bettere ferbining tusken de beide doarpen. Yn 1855 wie begûn mei it oanlizzen fan de, wat Eastereiners de Wommelserdyk en Wommelsers de Eastereiner dyk neamden. Fan dy tiid ôf waard Easterein rjochting Wommels útwreide. Van Eijsingaleane 3 (Van der Brug) wie it earste hûs dat yn 1863 oan dizze dyk boud waard. Dêrnei binne der oan beide kanten fan de dyk faaks de lúksere wenten set. De lêste nije wenning oan de Van Eijsingaleane waard nûmer 19a en is fan 1987. Dizze kear ha ik keazen foar twa foto’s fan de Wommelserdyk dy’t earst yn 1956 de offisjele namme Van Eijsingaleane krigen hat. Beide foto’s binne fan itselde plak ôf nommen en dat makket in fergeliking ek sa moai. It wurdt dus in kwestje fan: sykje de ferskillen.

De Wommelserdyk yn de jierren ’20 foarige iuw


De âldste foto is út plm. 1920. De brêge oer it begjin fan de Sebearefeart kin noch op en del. De dyk nei Wommels is smel púndykje en de bebouwing is noch net botte fier. Hoe fier is net goed te sjen, mar der ’t de lytse beamkes (rjochts) begjinne, binne yn de tweintiger en tritiger jierren huzen kommen. De twadde foto is út 1961. De hânwizer stiet op de flechtheuvel en yn de dyk binne strepen fluorre. Minsken fan bûten mienden dat se om de flechtheuvel hinne moasten, sadat der gefaarlike situaasjes ûntstiene doe ’t der wat mear auto ’s op de dyk kamen. Links fan de stiennen brêgeleuning stiet de âldenfan-dagen bank yn de oarspronklike útfiering mei op de rêchleuning skildere ‘Sit wat noflik by inoar, mar de âlderein giet foar’. Sawol âlder- as jongerein makken in soad gebrûk fan dit bankje. It wie der benammen sneins nei tsjerketiid altyd drok. De Eastereiner manlju gongen dan efkes nei ‘de beurs’ foar de lêste nijtsjes.

De Van Eijsingaleane yn 1961

Neiskrift Oant no ta ha ik foto’s fan Bauke de Boer ynskand. Fan Jan van Asselt komme der ek noch en Lolke Bouma docht tige syn bêst om moai spul boppe wetter te krijen. Mar der moat folle mear wêze! Wat soe it moai wêze in fotoboek oer Easterein, foar elk dy ’t der mar gebrûk fan meitsje wol, gear te stallen. Nim kontakt mei my op: hiemstra.j1943@gmail.com


Fizel

D R O G I ST E R I J - PA R F U M E R I E

TERP 52, 8731 BA WOMMELS TELEFOON 0515 333 210


Wilhelminanijs 1.000 euro foar Wilhelmini's fan de Jeugd Sponsor Aksje fan de Poiesz Allegearre tank foar jimme jeugdsponsormunten. We hawwe allegearre ekstra faak boadskippen dien by de Poiesz yn Skearnegoutum. Ek ha we mei in pear jeugdleden apels promoate omdat jo der 15 munten by krigen. It hat ús 1.000 euro oplevere. De aksje is nammentlik troch it koronafirus earder stoppe en dertroch hat elke dielnimmende feriening foar harren jeugd itselde bedrach krigen. Tige tank foar jimme support. Ald papier foar ien kear sels by de kontener bringe Tongersdei 9 april, 9.00 oere - sneon 12 april, 12.00 oere Yn ferbân mei it koronafirus en de maatregels fan it Ryk wurdt der op sneon 11 april gjin âld papier ophelle. Om de foarried by jimme thús net oprinne te litten, freegje wy it âld papier by de konteners te bringen. Dizze stean op it yndustryterrein op hichte fan Ynstallaasjebedriuw De Jong. It papier kin fan ôf tongersdei 9 april (fan ôf 9.00 oere) o/m sneon 11 april (oan 't 12.00 oere) brocht wurde. De doarren fan de konteners kinne iepen. Jo kinne sels it papier der yn sette. Om te soargjen dat alles past, is it fersyk om de doazen sa goed as mooglik te steapeljen. Alfêst tige tank foar jo help. Us programma is noch net bekend In oantal optredens binne net troch gien en ek wat ynkoarten plant stie is ôfsein. Spitich, mar sa begryplik. We witte op it stuit no noch net hokker optredens wol troch gean kinne. We litte sa gau mooglik wer fan ús hearre. Hâld hjir foar ús facebookpagina as Fraach & Oanbod yn de gaten.

Ut de húshâlding fan... Oplossing Dizze kear in foto út de húshâlding fan fam. Sietze en Bettie van Schepen. F.l.n.r. Arnold, Age Sietze en Linda.


Eastereiners op aventoer….@ Weissensee Troch Marijke de Boer

It giet oan! Dat is ‘de’ útspraak wer’t wy neffens my, mei syn allen op wachtsje..? Want hja? Hoe is it (ek alwer), sa’n dei as de tocht der tochten? Helje ik it dan wol? As riidend lid fan de Fryske Alfestêdentocht binne dit dochs elts jier wer de fragen dy yn om gean. Hielendal at it startbewiis wer op’e doarmatte falt. At Martina Kooistra (22) my earne yn oktober de fraach stelt; “At ik ek mei har mei wol nei de Weissensee, om mei te dwaan oan de alternative alvestêdetocht?” is it de nijsgjirrigens dy’t der foar soarget dat ik fuortendaliks entûsjast bin. In doarp soe gjin doarp wêze at je der net hiel gau efter komme, dat je net as ienigsten dit aventoer oan geane. It binne Tjeerd Dijkstra (56), Bauke Dijkstra (31), Jelte Pieter Dijkstra (29), Petronella Tolsma (27), Pieter-Sijbren Scharringa (26), Tineke Dijkstra (25) en Ids de Boer (30) dy’t de saneamde “tocht der tochten” ek ride sille. Tariedingen ‘Om goed beslein ta iis te kommen, is in goede tarieding wol nedich’. Dat de famylje Dijkstra & Ids dizze ynstek ek hiene, blykt wol út it feit dat sy fan te foaren in offisjele riders gearkomste oarganissearre ha. Famylje Dijkstra & Ids: “Wy wiene it dernei mei syn allen oer iens, dat elsenien sels ferantwurdelik wie om fit oan’e start te stean en dochs wol it moaise soe wêze om tagelyk oer de finish te kommen”. De tarieding fan Martina en Marijke bestie net allinnich mar út traine. Martina: “Neist it riden fan de alternative alvestêdetocht ha wy ús bygelyks yn setten foar it goede doel Skate4AIR. Hjirfoar ha we meardere aksjes betocht om jild yn te sammeljen, sadat der ûndersyk dynt wurde kin nei de yngripende sykte Cystic Fibrosis (taaislijmziekte). Marijke: “Hjirtroch krigen wy ek hieltyd mear motivaasje om de einstreek te beheljen”. Martina: “Yn totaal ha wy mei alle dielnimmers (243) fan skat4AIR mear as fiif ton ophelle, wat fansels fantastysk is”.


Dat foar eltsenien ‘fit oan ’e start’ in oare betsjutting hie, kinne wy nei dit petear mei syn allen wol konkludearje. Sa docht bliken dat…. • Martina har reedriid lessen, dy se yn Haarlem folge hat in goede tarieding wie; • Fjouwer kear wat rûntsjes ride yn ’e 11stedenhal, foar Bauke mear as genôch wie; • Tjeerd ekstra fit wurden is, troch foarôf noch fiif dagen te skiëen; Neist it trainen wiene oare tariedingen, sa as it út sykjen fan de júste outfit, beskerming, redens, iten en it yn oader meitsje fan de materialen net ûnbelangryk. Eastenryk Dat der op eigen gelegenheid nei Eastenryk ta reizgje waar, kaam trochdat de measten krekt even in oare planning hiene... Martina & Marijke: “Sneins 19 jannewaris binne wy oankaam yn Eastenryk. Deselde dei en de moandei’s ha wy in oantal kilometers oan it riden west, om alfêst te wennen oan it iis. De tiisdeis 21 jannewaris wie foar ús ‘D-dei’. De woansdei’s binne wy nei Flachau ta reizgje, om’t we as ôfsluting nog in pear dagen gongen skiëen”. Famylje Dijkstra & Ids: “Wy binne de woansdeis 22 jannewaris oan kaam yn Eastenryk. Ek wy ha doe gelyk de redens ûnder bine. De tongersdeis hiene we in clinic op it programma, wêr’t we de lêste tips krigen ha. Freed 24 jannewaris stie foar ús yn it teken fan de dei fan de tocht der tochten. Op it blierrenbal ha we de stramme spierkes noch wer efkes mei syn allen los meitsje kinnen. De oare dei binne wy de jûns de bus wer yn stapt. Dat Eastenryk heart by ien fan de moaiste fakânsje lannen fan Europa, fine wy mei syn allen net frjemd. Hielendal no’t we de Weissensee, dat moai tusken de bergen yn leit, mei eigen eagen sjoen ha. Fan te foaren wie it earst noch hiel spannend as der wol echt riden wurde koe, om’t it iis noch net dik genôch wie. Gelokkich frear it de lêste twa wiken noch bot. Uteinlik koe der sels noch efkes riden wurde op it grutte mar. Foar de tocht der tochten hiene wy in rûntsje fan 12,5 km oant ús beskikking. 200 km oer de Weissensee En doe wie it echt safier! ‘D-dei’ fan de wierheid dy’t fan start gong. ‘D-dei’ mei in temperatuer fan -11 yn de moarntiid, oerdei -2, in strakblauwe loft, swart iis mei her en der in skuor en wynkrêft 1. ‘De dei’ dy’t begûn rûn in oer as 5. It skaatspak oan, wat ekstra ontbijt dan normaal nei binnen stouwe, de alderlêste tariedings en doe op wei nei de start. Om by de start te kommen, moasten wy earst noch sa’n 2 kilometer ride. Ien kear by de start, klonk it


startskot om klokslach 7 oere! Alle riders dy’t harren ljocht skynden, besochten harren slach te finen. It tempo gong langsum wat omheech en de senuwen waarden yn ruile foar de blik op ûneinich. Famylje Dijkstra en Ids: “De earste twa rondes binne sûnder dat wy it yn ’e gaten ha, sa mar foarby. Ek dernei kinne wy it tempo goed folhâlde en gean de earste acht rondes ús allergear hiel maklik ôf.” Martina en Marijke: “Ek by ús geane de earste rondes hiel maklik. It tempo dat troch Duosport bepaald wurdt kinne wy goed by hâlde. Wol skrikke wy fan it oantal falpartijen en moatte wy hiel bot wenne oan de koarte pauzes fan sa’n fiif minuten. It iten en drinken moatte we echt nei binnen tropje. Wy hawwe it eins net iens oan tiid om nei it húske ta te gean.” Famylje Dijkstra en Ids: “Nei de 100 km krije in pear fan ús it dreger en begjinne wy wat lanzemer te riden. Foaral de nekke en skouders begjinne op te spyljen. Lokkich is in ibuprufen dan echt de rêder yn need, want dernei gong it wer sa bêst as wat”. Martina en Marijke: “De ronde fan 135,5 km wie it minst. Dit wie echt sa’n ronde wer je nei gean tinken oer hoefolle rondes je der net noch wol moatte...”. Famylje Dijkstra en Ids: “Ek waard it hieltyd dreger om as groep by elkoar te bliuwen, omdat net eltsenien it tempo mear goed byhâlde koe. Twa fan ús hawwe der uteinlik foar keazen, om it wat rêstiger oan te dwaan. Ek hat ien fan ús noch materiaal pech hân, wer sels de hammer oan te pas komme moast.”

Undanks de lichaamlike pine, de materiaal pech, mentaal der somtiden efkes troch hinne sitte, waard de tocht ferfolge en kaam de einstreek hieltyd tichterby. Famylje Dijkstra en Ids: “Wy ha op in gegeven momint út rekkene hoefolle tiid wy noch hiene, foar it oantal rûntsjes dat wy noch ride moasten. Sommigen rekken hjirtroch wol wat fan yn ’e stress en ha dêrom it tempo wer flink omheech brocht.” Martina en Marijke: “Beide hiene wy de hiele dei net op de klok


sjoen en hiene dan ek gjin besef fan tiid. It wie doe ûnderwilens al trije oere en moasten noch sa’n fjouwer rondes. Dan binne je wol efkes hiel nijsgjirrich at je it noch binnen de tiid heljen geane, dy’t de groep fan te foaren as rjochtline hie. Famylje Dijkstra en Ids: “Bij de lêste twa rondes witte wy eins seker dat wy it binnen de tiid helje sille. Ek binne de oare twa, dy’t it wat rêstiger oan dien ha, net fier efter ús. Om dochs mei syn allen oer de einstreek te kommen, beslúte wy op elkoar te wachtsjen.” Martina en Marijke: “It tempo gong yn de lêste trije ronden op iens sa rap. It wie krekt of hie eltsenien noch wat enerzjy bewarre, sadat wy op ’e tiid de bus helje soene. Foardat wy it wisten riden wy opiens tegearre mei noch in pear teamgenoaten oer de einstreek. Wat in ûntlading bringt sa’n momint mei sich mei. Echt in fantastysk gefoel. Letter sjogge wy dat wy der 9:50:08 oeren oer dien ha”. Famylje Dijkstra en Ids: “De lêste ronde wiene dochs noch wol swier, foaral om’t it wer pikke donker wurden wie. Ek holp it wachtsjen op elkoar net echt. Doe’t wy mei syn allen dan einliks de finish oer kamen, wie dat ek echt in geweldich momint. Foaral omdat net ien ferwachte hie dat wy echt mei syn allen tegelyk oer de einstreek komme soene. Geweldich dat dit ús dochs slagge. Wy ha der úteinlik mei syn allen 11:05:22 oeren oer dien”.


Nei genietsje It ‘nei’ genietsjen begûn al op it momint dat je oer de einstreek kamen. De ûntlading, de reaksjes, it yn ûntfangst nimme fan de medalje en de sfear, makke it sa bysûnder. Dat it net allinnich in moai aventoer wie foar de reedriders, docht bliken út de reaksje fan de fersoargers fan ‘D-dei’...Mattie en Marit: “Undanks dat wy de tocht sels net riden ha, ha wy ek echt in prachtige dei hân. It sjen nei alle riders, it moaie waar, der foar soargje dat eltsenien wer genôch iten krigen hat, de spanning, as se it wol of net helje soene en it wachtsjen by de finish hat der foar soarge dat wy ús gjin momint ferfeeld ha.”

Nei in ‘fertsjinne’ waarme maaltiid en in dûs, wie ‘D-dei’ noch net foarby. Martina & Marijke: “De jûns waar’t der troch skate4AIR noch in ôfslutend programma organisearre. Tidens it ôfslutend programma ha se de dei probjeare gear te fetsjen trochmiddel fan foto’s en in after movie. Troch it besjen fan alle bylden, besef je pas echt hoe vet it wol net wie”. Famylje Dijkstra en Ids: “Wy binne mei syn allen noch nei it blierrenbal ta west. Undanks de wurgens, wie dit beare gesellich. Martina en Marijke: “Wy ha hjir net mear nei ta west, mar ha der foar keazen mei syn allen wat te drinken yn it hotel. Nei de saneamde ‘dry jannewaris’ dy wy fan te foaren hien, wie dit mar goed ek, want de drankjes hakten der goed yn”. De oare dei wiene net allinnich de restanten fan de earste drankjes fielber. It wiene ek de stramme spierkes dy’t ek fan sich hearre lieten. De iene wie noch stiver dan de oar. Ek koene de blierren net op ien hân telt wurde en wie it net foar eltsenien mooglik om harren skuon oan te dwaan.


Ambysjes Undanks dat der mominten wiene dat it efkes tsjin siet en it net pynleas wie, waardt der tidens it petear al wer praten oer de folgjende kear. Sa ha de measten de ambysje om de oare kear in snellere tiid del te setten, of om de oare kear nei Sweden ta reizgjen. Foar dejinge dy’t krekt as ús ek de ambysje ha, om de tocht der tochten nochris te riden. Net stinne, mar gean der hinne. Nim dan wol in yoga mat mei…. mar ferjit dan net dit yn de júste foarmen te knippen ;) Dochs hoopje wy mei syn allen dat it allergear net nedich is. Dat wy op koarte termyn wer ride kinne op de skippersbuorren en it iis sa bot groeit dat de alfestêdentocht ek wer yn Fryslân plak fine kin. Wisten jimme dat… • wy allergear yn itselde hotel sieten en elkoar op 10 minuten nei krekt mis rûn binne; • Martina en Marijke noch in tasse fol iten efter litten ha, mar de famylje Dijkstra & Ids net begripe koene, werom der in yoga mat by siet ;) • der ferskillende wc ferhalen yn de ronde geane, mar it ferhaal fan de pisstrjitte, wêr de mannen sykje moasten om harren…., ús foaral by bleunt is; • der ien fan de riders hieltyd wat sjans hie en der sels in date oan oerhâlden hat; • wy hiel nijsgjirrich wiene nei elkoars prestaasje en wy elkoar fia de tillefoan folge ha; • der in pear nachten dreamd is oer de skuorren….; • It foar immen in wike lang duorre hat, foardat de skuon wer oan koene.


Flessenbonnen foar de Poaskepôle Yn de moanne April kinne jimme de flessenbonnen fan de Jumbo yn Wommels yn de bus dwaan dy’t njonken it emballageapparaat hinget. De opbringst giet nei it pjutterboartersplak ‘De Poaskepôle’ te Easterein. Alfést tige tank!


Opfrysker – Fûgelnammen No’t de maaitiid op kommendeweis is, neikommend in listje mei in protsje Fryske fûgelnammen: Frysk Ljip Âld hij Ljurk Tjirk Ielreager Skiere goes Paugoes Smjunt Blaustirns Ûnwaarsfûgel Markol, poep Sijke Skries Strânljip Reiddomp Blesgoes T(s)jilling Hjerringslynder Seekob Ielgoes Reidhintsje

Nederlânsk Kievit Kievit (mnl.) Leeuwerik Tureluur Blauwe reiger Grauwe gans Brandgans Smient Zwarte stern Stormmeeuw Meerkoet Kievit (vrl.) Grutto Scholekster Roerdomp Kolgans Taling Fuut Meeuw Aalscholver Waterhoen


Terpvondsten

Door Karin Everhardus Onthullend, de ontdekking van oeroude vondsten in de grond en een drinkwaterput van heel lang geleden. Deze werd gedaan in de meimaand van het jaar 1849, tijdens de afgraving van een (gedeelte van een) terp, die eigendom was van ene Ate Klazes Wiersma. Hij had zich in de loop der jaren opgewerkt van boerenknecht naar boer, werd bezitter van steeds meer grond en was kerkvoogd in Easterein. De zoektocht naar waar deze terp in Easterein gelegen moet hebben, levert interessante wetenswaardigheden op. In 1832 kocht Ate Klazes Wiersma “eene uitmuntende en vruchtbare zathe en landen”. De greidlanden zouden aan de zuidkant begrensd worden door de Itenservaart en naar het westen toe lag de dorpskerk, zo werd het grondbezit nader gedefinieerd. De zathe werd omschreven als zijnde de Jeltema Zathe. Uit deze beschrijving, na een blik in een atlas uit 1850 en het besef dat de windstreken wat verschoven lijken te zijn blijkt het om de plek te gaan waar ooit de Jellema terp en state lag. Thans bevindt zich hier de in de volksmond genoemde ‘Pleats’, het adres Stittenserleane 27. Doorslaggevend lijkt te zijn, dat in 1844 de eerste steenlegging van de te bouwen ‘Pleats’ gebeurde door het tweejarige zoontje van Ate Klazes Wiersma.

De Pleats werd aan de voet van de terp gebouwd Ten noorden van de tegenwoordige – in drie wooneenheden gedeelde – boerderij ligt het lager liggende land, waar ooit de hoge Jellema terp zich bevond. Deze was een kleine 3 meter hoog en de oppervlakte 5 hectare. En ten oosten ligt de vaart naar Itens. In een tekst staat beschreven dat “iemand die in Easterein door het dorp liep, de toren van Itens niet kon zien vanwege de hoge terp die het zicht wegnam”! (vert.)


Terpen Terpen zijn in feite aarden ‘vlucht’heuvels, opgeworpen in een tijd – vanaf 500 v. Chr. – dat men alleen kon overleven door de hoogte op te zoeken. Dit ter bescherming tegen het steeds weer terugkerende hoge water, een rijzende zeespiegel en een dalende grond. Toen de tijd aanbrak dat er dijken werden aangelegd - in de 11e, 12e eeuw - verdween de noodzaak om op een terp te leven. Trouwens, het woord ‘terp’ is van oorsprong het Friese woord voor ‘dorp’. Met het afgraven van Ate Klazes’ terp, werd al snel duidelijk dat er meer dan alleen aarde bloot gelegd werd. Men vond overblijfselen uit het alledaagse leven van de vroege middeleeuwen , maar ook uit de tijd van de Romeinen en van de vroegste bewoning. Tot een paar meter diep ónder de grond waarop de terp stond, werd een drinkwaterput blootgelegd. Na het weghalen van de stukken hout die vorm hadden gegeven aan de put, borrelde er fris en helder water omhoog. Verrast door de zuivere, verfrissende smaak van het water, konden de arbeiders hier heerlijk van drinken. Voorwerpen uit de vroegste bewoningstijd Van uit de vroegste bewoningstijd (van voor, rondom het jaar 0), stammen de stenen beitels. Verder werden er haarkammen, kralen van keulse aarde, bronzen ringetjes, rijgpennen en spinklosjes gevonden. Ook keukengerei zoals potten, kommetjes, vazen en scherven in verschillende maten en vormen, ontbraken niet. Zinkschijven van gebakken aarde werden gevonden, welke gebruikt werden bij het vissen. Een karakteristieke vondst zijn de ‘schaatsen’ uit die tijd, d.w.z. (scheen)beenderen van rund, voorzien van gaatjes aan de uiteinden. Hierdoor kon het been met touw aan de voet vastgebonden worden. Middels ijzer gepunte stokken kon men zich dan met grote snelheid over het ijs voortbewegen. Ook tal van beenderen van zowel mensen als van paarden, runderen, schapen en zelfs zwijnen zagen het daglicht. Een van de gevonden potten is hiernaast te zien, bewerkt met zig zag inkervingen.


D! NIEUW IN FRIESLAN

? willen leren bespelen t en m ru st in n ee g ment of zou je graa s! Speel jij al een instrukschool Friesland aan het juiste adre e les op het instrument dat je Dan ben je bij Muzie en zeer ervaren muzikanten en speelt vanaenf gedeluieedsrsttechniek. ofessionele , bas of zelfs lichtJe krijgt les van pr gitaar, drums, zang , rd oa yb ke , no graag wilt leren. Pia

! n i e r e t s a E n i s e l Nu ookerritgHiintgast avoorr meer informatie, l Bel of mail G schoolfriesland.n ek zi u m t@ ri er g / 06 184 21 578

lfriesland.nl o o h c s k ie z u .m w ww


De diepte waarop de bedolven put gevonden werd, bleek aan te geven dat deze vóór de eerste opwerping van de terp moet zijn gegraven.. De putrand lag een stuk lager dan de uiteindelijke hoogte van de terp (bijna 3 meter). Dit gaf aan dat de terp steeds meer opgehoogd moest worden vanwege het stijgende waterpeil. Einde terpentijd De tijd van ca. 1840 tot 1940 was een periode dat veel terpen afgegraven werden. De terpaarde – bestaande uit huisvuil, mest en kleiplaggen – bleek uitermate geschikt om het land te verbeteren en diende ook als goede meststof voor arme, zandrijke landbouwgronden. Daarmee werd het lucratief om de terpaarde te verkopen. Ook Ate Klazes verkocht zijn aarde en zou hiermee in totaal 20.000 gulden geïnd hebben! Nog een aantal Eastereiner terpen leverden oudheden op. Zo werden er in 1843 o.a. twee geschilderde Romeinse bekers uit de 3e eeuw gevonden. Van oorsprong stammen deze hoogstwaarschijnlijk uit Keulen. Ook werd er een gouden penning gevonden van Nero Caesar Augustus, een Romeins keizer uit de 1e eeuw. De 21e eeuw was ook goed voor archeologische vondsten In 2008 waren er graafwerkzaamheden bij een boerderij aan de Trijehuzen. De stalruimte zou uitgebreid worden op de rand van een nog aanwezige terp daar. Begeleid door archeologen werd er een stuk ontgraven. Als voornaamste resultaat werden scherven aardewerk en restanten van een oude plaggenvloer gevonden afkomstig uit de 10e en 11e eeuw. Hoe goed te beseffen dat archeologische vindplaatsen tegenwoordig onder monumentenzorg vallen, dit is zelfs wettelijk vastgelegd. Maar tja, dit houdt wel in dat je niet zomaar ongestraft ergens in het oude Easterein diep aan het graven kan gaan...


Heit en mem, ik wol nei Kolombia! Troch Anneke Hofstee

Hjir kaam ik yn febrewaris 2019 mei thús. Heit en mem fûnen it mar neat. Wêrom nei Kolombia, dat net bekend stiet as it feileste lân yn de wrâld. En dan ek noch allinnich? Kinst ek nei Dútslân of sa. Mar ik wie al hielendal ferkocht oan Kolombia. Ik dielde myn plan mei ferskate minsken en krige in soad deselde reaksjes. Dêrom socht ik fierder en fûn ik in rûnreis foar jongeren. Spannend, mar gerêststellend foar it thúsfront en dochs ek wol gesellich. Dus dêr stie ik in pear moannen letter op Skiphol, te wachtsjen op myn groepsgenoaten die ik nea earder sjoen hie. We gongen mei in groep fan 10, mei reislieder. De jongste wie 24 en de âldste 32 jier. It wie in reis fan 23 dagen en we startten yn Bogota. Bogota wie reinich en kâld, gelokkich binne wy wol wat went. De earste dagen Fytstochtsje troch de stêd en mei in kabelbaan nei it heechste punt. Wat in gigantyske stêd! Lekker út iten foar 3 euro, it kin dêr gewoan. Nei twa dagen wer fierder, want Bogota is net wer at je foar komme at je nei Kolombia gean. It buske yn en op nei Salento, it gebied wêr at it fernaamste eksportprodukt fan Kolombia makke wurd: kofje. Gek genôch krigen wy der by it moarnsbrochje gjin kofje, mar waarme sûkelarjemolke! Yn kombinaasje mei 25 graden is dat in bytsje frjemd, mar sûkelade is altyd goed yn myn eagen. Nei it brea-iten op nei Valle de Cocora, wat jim miskien wol kinne fan foto’s. Yn dizze fallei stean de grutste palmbeammen fan de wrâld, se binne ûngefear 60 meter heech. It hichte punt We soenen in hike meitsje fan fjouwer oeren, troch de bergen mei as einpunt de fallei. Us gids draafde foarút de berch op en koe dêrby ek noch de hiele reis trochprate en liet elke spin sjen. Hy wie al twa jier net nei de top fan de berch


west en woe der graach wer ris sjen. Wy wienen neffens him wol fit genôch om dizze tocht mei him te meitsjen. Wy fûnen ússels ek hiel fit fansels, dus koenen net wegerje. Hy fertelde der net by hoefolle langer as wy ûnderweis wêze soenen... It wie in prachtige tocht, mar we wienen úteinlik acht oeren ûnderweis yn plak fan fjouwer, dus dy lunsj gong der om healwei 5en middeis hiel goed yn. Dizze tocht wie ien fan de hichtepunten (letterlik) fan de reis. Azembenimmend Op dei fiif gongen wy wer fierder. Nei Manizales, noch altyd yn de kofjeregio. We krigen in barista workshop, wêr’t wy stuiterjend wer wei kamen omdat we alle soarten kofje priuwen hienen at je mar betinke kinne. We sieten op in prachtich plakje yn in hiele moaie tún, dêr koenen wy wer wat ta rêst komme. Fanút de hingmatte hienen wy in azembenimmend útsicht. Medellin; dit wie de folgjende stêd. It stie bekend as ien fan de gefaarlikste steden ter wrâld, mar ik krige in hiel oar byld fan dizze stêd. Modern, skjin en dochs kleurryk, mei in soad keunst en de leukste restaurantsjes en barkes. Us gids Manuel wist ús in soad te fertellen oer de stêd en syn skydnis. Pabo Escobar Mei in soart kabelbaan gongen wy oer de bûtenwiken fan Medellin. Hutsjes tsjin in heuvel oan bout wêr’t miljoenen minsken wenje. Net iens sa lang lyn, yn de tiid fan Pablo Escobar (1976 - 1993), wie wurkje foar Pablo de ienige kâns op in better libben foar dizze minsken. Sy waarden dan ‘sicario’, oftewol hiermoardner, en krigen in motor en wat jild. En noch wichtiger, sy en harren famylje waarden beskerme troch Pablo. No ha sy troch de kabelbaan wer kâns op in baan en in better libben.



Mei in buske gongen we nei Comuna 13. Dit wie tsien jier lyn de minste buert fan Medellin, mar der is hurd oan wurke troch de bewenners om dit te feroarjen, ûnder oare troch middel fan streetart en dûnsjen (breakdance en streetdance). Der binne roltreppen pleatst sadat de bewenners net mear elke dei de heuvels op en ôf hoege te rinnen. Ek foar toeristen is dat oanloklik en sa komt der hieltyd mear libben en kleur yn dizze buert. Ienige toeristen De folgjende dei ek noch in Pablo tour. We gongen nei de gefangenis dy at Pablo foar himsels bout hat. Gek om dêr te stean en de flechtrûte fan Pablo te rinnen. Ek gek dat wy de ienige toeristen wienen. Dit wie faker sa, Kolombia is noch hielendal net sa toeristysk en dus kinne je noch rêstich genietsje fan de bysûndere plakken wêr at je komme.

Nei al dizze yndrukken wie it de folgjende dei wol tiid om wat luchtigs te dwaan. We gongen nei Guatapé, in aardich doarpke mei kleurde húskes wêr at in oantal fotoshoots hâlden binne troch ús. Nei in moai boattochtsje gongen we de rots El Penol beklimmen, 740 treden foar it aldermoaiste útsicht.


Aksje Jûns de nachtbus yn, op nei San Gil. Aksje! We bliuwden hjir twa dagen en mochten twa ekstreme sporten útsykje om te dwaan. Hjir ha ik paragliden, mei in parasjute fan in berch ôf drave en boppe de Chicamocha Canyon sweve, tusken de fûgels, prachtich! De hiele groep wie hjir foar yn, behalve de stoere reislieder, hy makke de foto’s. De twadde dei gongen we raften, ek mei de hiele groep. De reislieder siet faker yn de boat as op de siidkant, sa benaud wie der, dus waard hy al gau fan syn kapiteinsposysje helle. Dit hat er noch lang oanhearre moatten. Fan hiel kâld nei hiel hyt! Nei dizze moaie dagen mochten we yn in nachtbus. We hiene in waarmbloedige sjauffeur, dy’t de airco op stand friezen stean hie. Ik wit no presiis hoe ‘t je yn it Spaansk freegje at it asjebleaft wat waarmer mei. De man lake mar wat, dat we sieten nei in pear oerkes mei al ús handoeken en truien oer ús hinne. Gelokkich wienen we ûnderweis nei de waarmte: Palomino. In backpackershostel oan it strân, gjin pinautomaten en relaxte minsken. By locals achterop brommerkes in berch op, mei in swimbân om de nekke. Fan ôf boppen gongen we yn de ‘tubes’ fan de rivier ôf, mei in bierke yn de hân. Dei 14; op nei Tayrona National Park. Hjir wie it hyt, hiel hyt. Wy hienen in hostel midden yn it park en gongen de hiele dei hiken, mei as einpunt ús ferbliuw. We gongen troch bosk en lâns strânen, lekker swimme ûnderweis foar ferkuolling en allemachtige útsichten. Hjirnei sliepe, of better sein de nacht trochbringe, yn hingmatten, wat in aventoer! De eagen útsjen Next stop; Minca. Mei monstertrucks gongen wy de bergen yn, want ús autobuske koe dit net oan. We ferbliuwden hjir yn in hostel mei swimbaden en útsicht op de bergen. Lekker ite, drinke, swimme en spultsjes dwaan, wy hienen it oergesellich mei ús groep.


Twa dagen letter belânen wy by in yndianestam. Dizze minsken libje in hiel oar libben as ús en wy seagen ús de eagen út. Dit wie de earste rûnlieding dy´t dien waard, toerisme is hjir noch hielendal ûnbekend en wy as ‘gringo’s’ waarden dan ek nuver oansjoen. Foar it sliepen noch in potsje fuotbal op it strân mei lokale befolking. Sliepen wie in hiele toer, want der wienen in hiel soad spinnen, hiele grutte. De iene nei de oare wie oan it gillen, wat ha we lake.

Op dei 18 stie der wer in reiske op it programma, want we gongen nei de tredde stêd fan Kolombia: Cartagena, wêr at it noch hiter wie. It kwik tikke de 40 graden wol gau ris efkes oan en dat is yn de stêd switten blaze. Neist waarmte ek in soad kleur en blommen yn dizze stêd. Oeral wurdt salsa dûnse en der is strân, genietsje! Wat no bounty-eilân?! De dei hjirnei soenen we nei in bounty-eilân ta, foar ús lêste dagen. It rûn efkes oars, we kamen terjochte op in smoarich strân yn in smoarch hostel en tot oermeat fan ramp begong it ek noch te stoarmjen en ûnwaarjen. We hiene it gau besjoen en besluten om werom te gean nei Cartagena, deselde dei noch. We gongen lekker út iten en op stap om dit te ferjitten en boekten in deitripke nei een bounty eilân, wêr at we moai snorkelje en swimme koenen. Sa ha we dochs moaie lêste dagen hân. It wie in hiele bysûndere reis, die at ik foar gjin goud misse wollen hie!



De koksmûtse: Chocolade pizza voor Pasen Door Annebeth de Jong

Ingrediënten • 100 g donkere chocolade • 50 g witte chocolade • 400 g pizzadeeg of bladerdeeg (een rol vers deeg is handig) • 60 ml slagroom • confetti sprinkles ,’smarties’, chocolade stukjes enz. ??? ik gebruikte een rol van 270 gram bladerdeeg

Benodigdheden • bakplaat • vork

Lekker ite!

Bereiding • Verwarm de oven op 210º C. • Het deeg op het bakpapier uitrollen. • Nu met handen of met een deegroller probeer je de vorm van een ei te maken. • Met je vingers druk je de randen op het plaatdeeg. • Met een vork prik je in het plaatdeeg. • In de oven, ongeveer 15 min. Als het klaar is, goed laten afkoelen. • In een pannetje smelt je de donkere chocolade au bain-marie en vervolgens voeg je 40 ml slagroom toe en heel goed roeren. • Giet dit mengsel op het pizza ei. • De witte chocolade ook au bain-marie smelten en 20 ml slagroom bij elkaar mengen. • Met een lepel strooi je de witte chocolade met slagroom boven op het pizza ei. • Laat een beetje afkoelen en versier met stukjes chocolade of M&M’s, etc. Bron: https://www.elsarblog.com/chocolade-pizza-voor-pasen-feestdagen


Bernehoekje

Troch Froukje Dijkstra



nieuwsgierig

kansen. Welkom bij van der Eems.

VA N D ER EEM S . N L E A S T ER EI N / HEER EN V EEN


Millions discover their favorite reads on issuu every month.

Give your content the digital home it deserves. Get it to any device in seconds.