{' '} {' '}
Limited time offer
SAVE % on your upgrade.

Page 1

DOA R

EASTEREIN april 2019

0

KRANTSJE 2 . PS

5 JIER N

EAS EREI T

DOARPSKRANTSJE


Couperus Hydrauliek uw specialist voor hydraulische systemen, aandrijftechniek en machinebouw.

Kwaliteit staat bij ons voorop. Onze uitstekende dienstverlening, de persoonlijke aandacht voor elke klant en het meedenken in een oplossing in de technieken die afhankelijk zijn van oliedruk, zijn daarvoor het bewijs. Wij zijn dan ook snel in staat om op een vakkundige manier storingen te verhelpen, reparaties uit te voeren of nieuwe machines voor u te ontwikkelen. Wij leveren onder andere de aggregaten en machines voor bijvoorbeeld de kunststofindustrie, destructiebedrijven, papierverwerkende industrie, landbouw en de scheepvaart. Daarnaast bouwt Couperus Hydrauliek ook eigen machines. Zo hebben wij ervaring met het bouwen van: • Miniheistellingen • Plamuurpersen • Palenkrakers

• JPL-Persen • Krammenpersen • Kielklemmen

Door de steeds strenger wordende regelgeving omtrent veiligheid en milieu, leveren wij CE gekeurde systemen en machines. Dit geeft u dus de zekerheid dat u een goed product koopt bij een deskundige en betrouwbare leverancier.

Couperus Hydrauliek BV | Fabrykswei 9 | 8734 HV te Easterein info@couperushydrauliek.nl | T 0515-332288 | F 0515-331640


Kolofon

Nûmer 4 – April 2019 It is feest! It nije doarpskrantsje bestiet alwer fiif jier!  Anneke en Yvonne van Beem, Greet de Boer, Elisabeth Breeuwsma, Amarins de Haan, Silvia Hania, Peter Heijst, Hinke Kuiper en Arnold van Schepen binne allegear part west fan it aventoer dat yn april 2014 begûn: ñ eltsenien, fan eltsenien. In doarpskrante meitsje, foar   





Us earste lustrum kin net samar foarby gean.  nei  nijsgjirrige    saken mei it Dêrom ha we socht       getal fiif yn Easterein. Fiif jier, wat bart der in soad!     En, as ‘kers op de taart’ ha we kear  foar de  twadde   in wiere centerfold, makke troch Andries Veenstra.      Kinst ’m der úthelje en bewarje!     

 



  In protte lêsplezier tawinske!  



 



 

       



 

Redaksje:





           Bauke  de Boer,           Paul David Meesters,              en Gerben van Nathalie  Oliveiro   Snits    

Kopij Doarpskrantsje:  doarpskrante@easterein.nl  as by Gerben van Snits, Skilplein 15   info@easterein.nl   Twitter: @easterein_frl Webside Easterein.nl:  Facebook: Fraach&oanbod&sa en Easterein fan earder en no Advertinsje? Mail nei doarpskrante@easterein.nl Rekkennûmer: NL70 RABO 0349 5017 26 û.f.f. Doarpskrante Printwurk: Drukkerij Van der Eems Foto foarside: Willy Sybesma Kopijdatum: 24 april

De redaksje fan de Doarpskrante is net oanspraaklik foar de ynhâld of strekking fan de stikken. De redaksje behâldt har it rjocht foar om artikels yn te koartsjen of mooglik te                 redigearren. Troch it ynstjoeren fan tekst- of beeldmateriaal jouwe jo tastemming foar             it fermannichfâldigjen hjirfan.            

 



 



ò

   


Doarpsaginda April 1 – 7 april

Hiele wike

Collecte Fonds Gehandicapten Sport

6 april

20.00 oere

Pubquiz Tsjerne

20.00 oere

SPRING! Yn ‘e Greide Jubileumedysje Greidebrass – ‘De Moeting’ Tsjom

Fan 12.00 oere ôf

Studzjedei personiel, bern frij De Foareker

9 april 10 april 13 april

Grize container 15.00 oere

Speurtocht foar groep 1 o/m 8 De Tsjerne

16.30 oere

Koor Sjong Mennistetsjerke Itens

19.30 oere

Slotfeest CoVos Sporthal

14 april

14.30 oere

Klaverjassen De Tsjerne

15 april

19.00 oere

Slotconcert blazersklas De Skoalleseize

17 april

18 april 24 april

Griene container 19.30 oere

Passage De Skoalleseize

19.00 oere

Crea Café Teakjes túnhûs Grize container Lêste ynleverdatum kopij Doarpskrantsje


27 april

10.00 oere

Keningsdeipartij De Skoalleseize

28 april

16.00 oere

Bluescruise mei “Sugar Mama” Noflik Easterein

Maaie 1 maaie

Griene contrainer

1, 2, 3 maaie

Keatskamp KF Easterein De Skoalleseize

4 maaie

Stipersdei KF Easterein De Skoalleseize

Dizze ynformaasje komt fan easterein.nl en út de mailtsjes dy’t wy krije. Ha jo ek wat foar de doarpsaginda? Mail it dan nei doarpskrante@easterein.nl

Eastereiner feesten

Wy seine altyd: de Eastereiner feesten en dan fregen minsken: “hoefolle feesten wienen dat dan?” – Janny Van Urk Bergsma –

Foutje…

Troch Gerben van Snits Lokkich wurde de stikjes noch lêzen foar it publisearre wurdt. In oplettende geynterviewde wize my der op dat mond-op-mondreklame wol hiel frjemd liket…


Geweldig - Top - Fantastisch - Super & Enorm Bedankt Alwer fiif jier is Jan Jetze ús stille, mar tige wichtige kracht. Eltse moanne wer hat hy de opmaak fan it boekje dien en der foar soarge dat it krantsje ‘’echt’’ waard en nei de drukker koe. As redaksje wolle wy dy hjir tige foar bedanke, sûnder dy wie it net mooglik west!

Efkes foarstelle... Ik bin Froukje Dijkstra, ik wenje tegearre mei Ruurd Overwijk en ús bern Jorren (6) en Meike (4) oan ’e Hofsleane. Ik wurkje as ‘Grafysk foarmjouwer’ by Libre Uitgeverij | Communicatie yn Ljouwert wêr’t ik my foaral dwaande hâld mei it opmeitsjen fan it fakblêd foar bistedokters: DIER-EN-ARTS en it ûntwikkeljen fan berneboeken, nostalgyske produkten, ensfh. Ik soe sizze, sjoch ris op www.libre.nl. Miskien sit der wol wat foar jim tusken... Neist myn wurk bin ik al moai wat jierren aktyf as frijwilliger yn de PR-kommisje fan ’e Keatsferiening Easterein en jou ik volleybaltrainen oan Dames 6 by CoVos. Ik mocht sels ek altyd graach in baltsje slaan (sawol lyts as grut), mar in knibbelblessure lit dat spitigernôch net mear ta. De redaksje fan it doarpskrantsje hat my frege oft ik harren helpe wol mei it opmeitsje fan it boekje en sa it stokje oer te nimmen fan Jan Jetze. Ik ha der nocht oan en sil besykje der eltse moanne wer in moai ‘doarpskrantsje’ fan te meitsjen! In protte lêswille tawinske! Groetnis, Froukje


Hâld Faesje EASTEREIN


Fizel

D R O G I ST E R I J - PA R F U M E R I E

TERP 52, 8731 BA WOMMELS TELEFOON 0515 333 210


Yn bedriuw Troch Gerben van Snits Ien fan de âldere bedriuwen yn ús doarp is Drukkerij Van der Eems. Durk-Jorrit van der Eems is de fjirde generaasje yn it famyljebedriuw. “Yn ús famylje hat eltse generaasje syn eigen koers fearn,” jout Durk-Jorrit oan. “Eltse generaasje hat de folgjende generaasje de romte jûn om syn eigen ideeën út te wurkjen en sa it bedriuw fierder de takomst yn te helpen.”

Earste generaasjes De skiednis fan it bedriuw giet werom nei 1906, doe’t oerpake Hendrik van der Eems (1880 - 1948) begûn is mei in boek- en kantoarhannel oan it Heechhiem 6. Itselde jier begûn er ek mei ienfâldich drukwurk, wylst der einliks noch net folle fraach nei wie. Al gau die bliken dat er syn tiid foarút wie, want doe’t de fraach nei it fermannichfâldigjen fan ferslagen kaam, koe er dêroan foldwaan. Pake Cornelis ‘Kees’ (1915 - 1972) kaam yn 1942 yn de saak en begûn mei it drukken fan boeken en heit Hendrik (1943 - 2012) makke it mooglik dat foto’s it drukwurk siere koene. De skiednis is prachtich werjûn yn it boek dat drukt is doe’t de drukkerij 100 jier bestie. Itselde jier krige de drukkerij it predikaat “Hofleverancier.” Famyljebedriuw Under it bewâld fan heit Hendrik is it bedriuw groeid en kamen de earste meiwurkers op de leanlist. De helte wie famylje en lange tiid hat it sa west. No is Van der Eems wol de grutste wurkjouwer yn it doarp, mar famylje wurket der net mear. “De wearde fan it famyljebedriuw sjogge myn frou Sjoukje en ik yn it feit dat wy as famylje mei inoar om geane. It is tige wichtich foar ús dat wy mei


inoar de dei begjinne, mei inoar kofje drinke en fan inoar witte wat der spilet. Dat wy as meiwurkers mei inoar belutsen binne. Dat wolle wy ek útstriele nei ús klanten ta. Wy wolle it fertrouwen jaan dat sy op ús oan kinne en dat wy it maksimale sykje foar se ús klanten. Dêryn ûnderskiede wy ús.” Ynternet jout kânsen It stinsilwurk wêr’t oerpake mei begûn is, kin elkenien no sels mei syn eigen printer. In kaartsje drukke en sels boeken kinne no oer ynternet. “Je kinne ynternet as in bedriging sjen, mar wy besjogge it as in kâns. Net allinnich sjogge bedriuwen dat je mei drukwurk oare klanten berikje kinne, mar as meast moderne drukkerij fan Fryslân kinne wy oer ynternet oare klanten berikje. Ien fan ús klanten is Kaartje2Go. Deis geane der 50.000 kaarten de doar út. Drukkerij Van der Eems sit yn it pân dat yn 1978 boud is troch heit Hendrik. “Hy rûn altyd foarop. Der waard sein dat it pân fierstente grut wie, dat it nea út koe. Hy begûn mei de offsetpers om ek foto’s drukke te kinne, mei in kettingformulierenpers, de produksje fan acceptgiro’s, de earste twakleurendrukpers fan Fryslân… De saak stie yn 1989 fol en der moast sels útwreide wurde!” Foarop bliuwe Durk-Jorrit is yn 1994 yn de saak begûn en syn opdracht dy’t op side 85 fan it boek stiet, stiet noch hieltyd heech yn it findel: ‘Groeien in omzet, digitaliseren van de productieapparatuur en vasthouden aan de klantwaarde.’ Durk-Jorrit: “Fansels moatte je saaklik wêze, mar wy binne net út op maksimale winst. In goede relaasje mei ús klanten is belangryk en wy sykje altyd nei aparte dingen. Foarop bliuwe yn de markt, sa as myn foarâlden ek dien hawwe.” Drukkerij Van der Eems hat neist de fêstiging yn Easterein in fêstiging yn it Hearrenfean, wêr’t yn trije ploegen wurke wurdt oan grutte oplagen. Yn Easterein wurdt yn twa ploegen wurke. Yn totaal binne der sa’n 60 meiwurkers. Sûnt oardel jier wurde der ek reklameflachjes drukt en yn de takomst sil dat ek persoanliker kinne mei eigen foto’s en teksten. Of der in fiifde generaasje yn it bedriuw komt? “Sy moatte harren eigen koers farre, binnen as bûten it bedriuw. Sy krije de romte om te dwaan wat sy sels wolle.”


De Pinne: Andries Joustrastrjitte 5 Alwer acht jier wenje ik mei folle wille op de Andries Joustrastrjitte 5. Ik bin hjir komme te wenjen yn ferbân mei myn wurk en myn maten. Ik wurke toen yn de garaazje as automonteur by Witteveen & Brouwer. Dêr ha ik mei in soad wille wurke. Yn 2015 kaam der in plakje frij by ús op ‘e pleats en ha ik beslute om dêr foar te gean. Ik mei graach yn it doarp wêze, ik bin sels aktyf yn it Tsjernebestjoer en wol my graach ynsette foar it ien en oar. Yn myn frije tiid mei ik graach sleutelje oan de motor of in moai rûntsje meitsje. Foarich jier maaie is Ineke myn freondin ek by my ynlutsen. Yn de wykeinen komt myn dochter Mirna ek faak oer de flier, jo begripe it al: In gesellige boel op nûmer 5. Sjors, Ineke en Mirna


K Kom om llangs! angs! En En word word ‘Gast ‘Gast vvan an de de Raad’ Raad’ Wat Wa at doet doet d dee g gemeenteraad? emeenteraad? De gemeenteraad neemt beslissingen over:

Zorg Zorg

Wonen Wonen

G Groen roen

C Cultuur ultuur

Verkeer Verkeer

Veiligheid Veiligheid

Het college van burgemeester en wethouders gaat met die beslissingen aan de slag. De gemeenteraad controleert of het college de besluiten op een goede manier uitvoert.

Kom Kom langs! langs! Wi Will jij jij wel wel eens eens een een kijkje kijkje achter achter d dee sschermen? chermen? D Dat at kan! kan! Als Als speciale speciale ‘‘Gast Gast van van de de Raad’ Raad’ heten heten we we je je van van harte harte welkom welkom vvoorafgaand oorafgaand aaan an een een raadsvergadering. raadsvergadering. Je Je wordt wordt o om m 118.00 8.00 u uur ur vverwacht erwacht iin n het het gemeentehuis gemeentehuis in in Sneek. Sneek. Onder Onder he hett ggenot enot vvan an eeen en br broodje oodje en ddrinken rinken vvertellen ertellen w wee je je m meer eer o over ver d dee gemeenteraad, gemeenteraad, d dee p politieke olitieke partijen partijen en d dee rraadsagenda aadsagenda vvan an de de aavond. vond. Aansluitend Aansluitend m maak aak jjee kennis kennis met met de de rraadsleden aadsleden en het het college college en mag mag bijwonen. jjee de de raadsvergadering raadsvergadering b ijwonen. De dee R Raad’ op donderdag: De komende komende datums datums vvoor oor ‘‘Gast Gast vvan an d aad’ zzijn ijn o pd onderdag: 4 april, april, 9 mei mei en 6 juni. juni. JJee kkunt unt jjee aaanmelden anmelden vvia ia griffie@sudwestfryslan.nl. welkom! g riff ie@sudwestfryslan.nl. Je Je bent bent van van harte harte welkom!

Niets Niets missen!? missen!? Ben je benieuwd wat er tijdens een raadsvergadering of commissievergadering wordt besproken? Via griffie@sudwestfrryslan.nl kun je je abonneren op de vergaderstukken. Zo mis je niets!

Contact Contact

Volg Vo lg o ons ns

14 0515 of griffie@sudwestfrryslan.nl sudwestfryslan.nl/onderwerp/gemeenteraad/ Volg de gemeenteraad op: Twitter: @gemeenteraadSWF Facebook.com/gemeenteraadSWF


De 5 meisjes van Skippersbuorren 5:  Noa, Nyka, Benthe, Tessa en Aukje    Door Paul David Meesters Dat het Doarpskrantsje voor het 5-jarig jubileum op bezoek gaat op Skippersbuorren 5 is helemaal vanzelfsprekend vanwege de 5 meisjes die daar wonen: mem Aukje, met haar dochters Tessa (16 jaar), Benthe (14), Nyka (12) en Noa Sytske (10). Daar hoort natuurlijk ook een heit bij en dat is Marco, maar die trekt zich voor dit interview even terug.  Het waren trouwens bijna 6 meisjes geweest, want van hun nieuwe katje dacht de dierenarts eerst dat het een vrouwtje was. Nyka vond haar als kitten van maar een paar weken oud op weg van school naar huis bij Reahus onder een aardappelzak in de berm, waar ze uitgehongerd en klaaglijk zat te miauwen. Na een paar maanden moest de dierenarts op z’n woorden terugkomen: het vrouwtje bleek een mannetje te zijn. Een geluk voor Marco dat hij met katertje Mathieu (genoemd naar Mathieu van der Poel, de veldwielrijder) nu ook wat mannelijk gezelschap in huis heeft. En op dieren zijn ze allemaal dol. Tessa doet binnenkort eindexamen aan het Marne College en wil daarna starten met de opleiding voor dierenartsassistente in Leeuwarden. Ze deed onlangs al een stage bij de dierenartsen in Wommels. Dat kan thuis nog even niet, maar zodra ze de kans krijgt wil ze een hond: liefst een stabij of een retriever. Benthe verlangt op haar beurt erg naar een hamster of een schildpad. Hoe dat komt weet ze niet, maar vanaf heel klein had ze al een zwak voor schildpadden. Benthe wil graag dierenarts worden. Wie weet kan ze dan een praktijk beginnen samen met zus Tessa. Nyka heeft weer een andere invalshoek: als het aan haar ligt wordt ze later dierenfotograaf. Dieren zet ze nu al graag op de foto met haar snelle camera…. En haar lievelingsdieren zijn herten. Ook Noa weet al welk beroep ze later gaat kiezen: bij de politie. Daar kom je natuurlijk ook genoeg dieren tegen. Van speurhonden tot politiepaarden. En mem Aukje dan? Bij haar vroeger thuis wemelde het ook van de dieren. Soms denkt ze er stiekem wel eens over om een dierenasiel te beginnen. In ieder geval zijn zieke of gewonde dieren altijd welkom op Skippersbuorren 5. Zo was er witte eend Alfred die als kuiken was verstoten en rare rondjes draaide in de vaart. In een teil met kroos werd hij opgevangen en later bleef hij zomaar het huis binnen waggelen. Dan is er ook nog pony Tessa, die bij de familie Yntema (Ny Oppersteed) staat. Op een rooster in huis staat precies wie er die dag aan de beurt is om haar te verzorgen. En aan het Friese paard Fokje (van Bonnema) hebben ze allemaal nog mooie herinneringen.


Maar het is niet alleen maar dierenliefde op Skippersbuorren 5. Er zijn ook nog andere liefhebberijen. Bakken neemt daar een belangrijke plaats bij in. Aukje mag dat heel graag doen. Wie weet dat haar familiegenen daarin meespelen, want haar grootvader was bakker in Spannum. Aukje heeft een heel repertoire aan taarten, maar voor haar dochters blijft haar appeltaart toch favoriet. Haar hobby werd zelfs een tijd haar werk, want vijf jaar lang had ze een eigen bedrijfje in bruids- en andere feesttaarten. Met veel fantasie en creativiteit toverde ze de mooiste taarten tevoorschijn. En haar dochters stonden regelmatig model, wanneer haar taarten weer eens in een kooktijdschrift verschenen. Flink aanpoten was het vaak wel, zoals toen ze voor een feest bij van der Valk duizend cup-cakejes moest leveren. Inmiddels bakt ze gewoon weer alleen als liefhebberij en haar dochters kijken daarbij graag de kunst van haar af. Dan is er nog het keatsen waarin Nyka en Noa actief in zijn; Benthe won eerder tweemaal een wisselbeker maar is er nu mee gestopt. Ook de voetbalcompetitie wordt actief gevolgd, al zijn de supporters nogal verdeeld. Tessa’s favoriet is Ajax, terwijl voor Nyka en Noa Feijenoord kampioen mag worden. Maar Heerenveen dragen ze allemaal een warm hart toe. Als Aukje tenslotte naast tuinieren en kalligraferen nóg een hobby moet noemen, roepen de dochters in koor: “het huis veranderen”. Want regelmatig krijgt Aukje kriebels en wordt de inrichting van huis of tuin weer eens omgegooid. En zo koestert Aukje dit huis van haar familie. Want Skippersbuorren 5 werd eind negentiende eeuw door haar overgrootvader gebouwd.


6 6]]g<<[X][GQOQ[O ]]g<<[X][GQOQ[O

+ +<<h][jDQWjÃÁÂÊ <<h][jDQWjÃÁÂÊ I]gO<[QhIIgGG]]gGI;7$I[GIGQ<E][QI I]gO<[QhIIgGG]]gGI;7$I[GIGQ<E][QI

 $d $ dd<<<hv][G<OÃÂ<dgQY <hv][G<OÃÂ<dgQY <hDIOQ[[I[qIPIjNIIhj <hDIOQ[[I[qIPIjNIIhj p<[GI]dhj<[GQ[Op<[IvkhZIjII[YIXXIg p<[GI]dhj<[GQ[Op<[IvkhZIjII[YIXXIg ][jDQWj ][jDQWj 1DI[jp<[P<gjIqIYX]Zp<[<NȐÅÆQ[GI 1DI[jp<[P<gjIqIYX]Zp<[<NȐÅÆQ[GI !<gjQ[QXIgXI[]ZÉkkgDIOQ[jPIj][jDQWj‰‰ !<gjQ[QXIgXI[]ZÉkkgDIOQ[jPIj][jDQWj‰‰ gq]gGI[PkQh<<[PkQhkQj[]GQOQ[OI[pIghjkkgG gq]gGI[PkQh<<[PkQhkQj[]GQOQ[OI[pIghjkkgG


Tinto secco                    Troch Nathalie Oliveiro Wylst ik dit skriuw, genietsje ik fan delicieuze Carranc, drûge wyn út Spanje, krigen yn Wyt-Ruslân. Alwer oardel jier lyn troude myn bêste freon yn Minsk en krige ik de flesse dy’t no foar my op tafel stiet. No, om alfêst ús lustrum te fieren, ha ik him iepene. Hearlik dit. #LMIK Noch net in pear wiken lyn raasde de wyn bûten oer it lân, troch myn hier, yn myn gesicht. Ik kaam hast net foarút op ‘e fyts. Doe’t ik wer werom gie, wat gong ik hurd! Machtich! Yn it libben kin wyn ús helpe foarút te kommen, ek al moatte we it stjoer goed beethâlde oars soene we fan de fyts waaie. Hast it dreech? Stiest foar in útdaging? It kin ús sterker meitsje at we der kreatyf mei omgean. Yn ‘e wyn op ‘e fyts, dêr wurd hja sterker fan. Traine sûnder wjerstân is maklik, mar úteinlik hast der neat oan. Allinnich mar boekjeswaar, is te moai om wier te wêzen. En liket de situaasje dy somtiden al te dreech, kinst altiten Motivaasjepyt om help freegje, dysels in plúmke jaan omdatst al safier kaam bist, as gewoan bankprate mei dyn buorman, buorfrou. Wis ha ik ek leaver de wyn ‘e rêch, fleane snelheid meitsje, fleane! En momentum fine om myn eigen frijheidsmars te dwaan, in ‘briesjes van geluk’ op myn gesicht te fielen en te dreamen oer in Knuffelkryst. Alde tsiis en Carranc passe goed byinoar, ha ik ûndertusken ûntdutsen. Hurde wyn en sinne ék. Dêrom: Ha leaf, lit los, fier, geniet, laitsje, dream en doch. Libbest Mar Ien Kear.


Keatskamp

Woansdei 1 oant , freed 3 maaie foar kabouters oant de skoaljeugd

Stjoer foar fragen in mail nei keatskamp@ kfeasterein.nl

Oh ja, it tema is dit jier kriichsmacht!

Jou dy op fo ar woansdei 3 ap ril op de website fan kfeasterein.nl Sjoch foar ek stra ynfo op kfeasterein.nl en facebook.com / keatskamp


Keatskamp giet de kriichsmacht yn!  It sit der alwer oan te kommen: keatskamp Easterein!  En wol fan 1 maaie oant 3 maaie yn en om de Skoalleseize.  It is de seisde kear dat we hjirmei yn aksje komme en ek dit jier sille  we it kamp yn it tema jitte: de kriichsmacht. Dus al tigerjend de warming-up troch, útslaan mei drekstrepen op de wangen en op appel om de korvee út te fieren. Alle bern fan kabouter oant de skoaljeugd ta kinne derby wêze.  Under dit kamp sille de bern ek bonuspunten fertsjinje kinne yn de foarm fan legermedailles, dit alles fansels om oan it ein fan dizze dagen de grutte Keatskampbokaal te winnen. De earste medailles binne al fertsjinne wylst we de stunt op de basisskoalle dienen en dêr wienen echte ‘krachtpatser-medailles’ by. Mar ek no noch binne der al bonuspunten binnen te heljen. Meitsje bygelyks in moaie selfie yn it tema en set dit op facebook.com/keatskamp of gean foar de medaille ‘verzamelaar’ en sammelje safolle mooglik lege plestik flessen. Yn koarten: we ha der wer in soad sin oan en sjogge wer út nei trije machtich moaie keatsdagen. Foar mear ynfo en opjefte, sjoch op kfeasterein.nl. Graach oant dan!

De staasjejildflessenaksje! Yn de maaiemoanne fan dit jier is de opbringst fan de bus by de “flessenautomaat” yn ‘e Jumbo fan Wommels foar ús. En ek stiet der in bak oan de van Eysingaleane 16, om dêr de lege flessen yn te dwaan. Tige tank foar jim ynset! Jongerein Kommisje KF Easterein


Foarkant doarpskrantsje april 2014


Fjirtjin kear fiif jier Dit prachtstel út 1949 wurdt dit jier 14x5=70 jier! Hiekje komt út Wytgaard en is berne op 5 novimber, Keimpe is berne yn Hylaard op 21 novimber.

De fiif fan Sijbesma

Lucky number five Albert is it fiifde lid fan de famylje Vellinga oan de Sibadawei. Hij is berne op 5 maaie 2000. Op 5-5-5 waard er 5 jier. Sa ek doe’t er 15 waard: 5-5-15, sa is 5 in getal wat sintraal stiet yn syn libben.


Fiif jier fit!

“Kofje, moaie gesprekken en swit op it liif’’ Trochsetters Al 5 jier gean Elly en Mattie twa kear yn de wike nei Joure om dêr by Gymnasion it fitnessprogramma te folgjen fan de Milon. Mattie wie al earder nei dizze sportskoalle west, mar doe’t dêr in nij iets (de Milon circle) yntrodusearre waard, binne der guon minsken út Easterein hinne west om dit te besykjen. Wy binne no noch oerbleaun fan dizze groep. Moaie gesprekken It is in fitnessprogramma dat bestiet út twa kear in rûntsje fan 17 minuten wêrby alle spieren fan it lichem oan bod komme. Dat spruts ús wol oan….. duorret it net te lang. We wolle graach fit bliuwe en omdat we beide wolris wat ûnder de lea ha moatte we dêr al wat foar dwaan. Kinne we fan’t simmer wer los op de keatsfjilden want dat fine we o sa gesellich. De begelieding en sfear is o sa fijn, we wurde goed yn de gaten hâlden of we it allegearre wol goed dogge en de sfear is sa noflik. We ha al hiel wat moaie gesprekken by de kofje hân mei ferskate minsken. Hearlik swimme De fitnessapparaten wêr we op traine wurde elektrysk oanstjoerd sadat we net mei de gewichten tôgje te hoeven en sa. We stekke ús paske yn it apparaat en kinne dan in minút lang in oefening dwaan. Dit giet wol swier want op de “weromreis” komt der ek in protte wjêrstân. Nei 3 keer sa’n apparaat moatte we 4 minuten op in crosswalker. Dit liket in lyts skofke mar we kinne jim fersekerje dat dat best wol lang is. Dan ha we wer 3 kear in apparaat en slute we ôf mei 4 minuten op de fyts. We ha in hertslachmeter om sadat as ús hert wat tefolle op ‘e rin giet, de apparaten mei de gewichten en/of tempo wat nei ûnderen gean. At we dan klear binne ha we it swit oeral sitten en bekomme we efkes mei in bakje kofje. En dan, en dat is it alderlekkerst nei it sporten, gean we noch te swimmen yn it hearlike waarme wetter fan it swimbad! Alle spieren komme dan wer los. In oanrieder. Dan lekker ûnder de brûs en wer op nei hûs. In goeie ynfolling fan de moarn of jûn.


Op nei de 10 jier! Nei 5 jier fiele we ús o sa fit, dit komt ek troch de goeie begelieding, en we gean der fansels foar om de 10 jier ek te heljen. Us lichem is folle sterker wurden, dat jout ek in protte fertrouwen en as we dan ris in minne dei ha, herstelle we ek wer samar. Dus wy binne wei fan de Milon!

Fiif jier beppe     Mei Anna-Joke Bakker  en Baukje de Jong Wij, Anna-Joke Bakker en Baukje  de Jong, binne sûnt 5 jier beppe  fan Tiede-Rinse Posthumus.   Anna-Joke hat 7 beppesizzers: Geanna, Sjoerd Jinte, Rinke, de bern fan Baukje Wietske en Rudi. Jitze Gerrit fan Sjouke en Liesbeth en der is in baby ûnderweis. Tiede-Rinse, Tjitse Iepe en Feite Sietze fan Taeke en Geartsje. Baukje hat 4 beppesizzers: Tiede, Tjitse en Feite fan Taeke en Geartsje. Madelief fan Hendrik en Maryline. In bysûndere binende faktor Tiede wie de alderearste beppesizzer. Hy is berne op 19 desimber 2013. As je dan beppe wurde, ha je gjin idee hoe as dat is as wêze sil. Doe se bellen fuort derhinne en dan… binne je yn ien klap ferliefd op sa’n jonkje. Foar Anna-Joke wie it tige bysûnder dat it in jonkje wie, om’t se sels 3 famkes hat. Foar Baukje wie it bysûndere dat Tiede blond hier hie. It klinkt wat nuver miskien, mar har eigen bern hiene allegearre swart hier. En dat je soan en dochter dan heit en mem binne, sa bysûnder. Tiede wie daliks in binende faktor yn beide famyljes. Wy as beppes wiene út ‘e skruven en fansels tige grutsk, de pakes ek hear. Nei Tiede kamen der mear beppesizzers, dan witte je hoe it fielt. Mar fan allegearre hâld je like folle. It is eltse kear wer in feestje as se der binne en je bliuwe der jong by. We genietsje fan alles: as se rinne leare, prate kinne, grapkes meitsje, moaie tekeningen kleurje. It is eins tefolle om op te nimmen, mar ien ding stiet foarop: beppe wêze is ien fan de moaiste ervaringen dy’t je ha kinne.


Alle Eastereiners op de foto: De Hofsleane


Bêste doarpsgenoaten, STOARM! It hat de ôfrûne tiid bûten stoarme, mar seker ek by de kaartferkeap fan Kening op Sokken! Wat wy net doarden te foarspellen hat sich dûbel en dwers foardien. Binnen no-time wienen wy troch ús reguliere kaartferkeap hinne en al gau moasten wy sjen nei mooglikheden om alle belangstellenden fan kaarten te foarsjen. Wy koenen per útfiering 30 plakken mear kreëarje yn Noflik, mar op dit stuit binne freed 31 maaie en sneon 1 juny ek alwer útferkocht! Neist de ekstra plakken, hawwe we noch in reserve útfiering fêstlein. Hâld ús webside, Twitter en Facebook yn de gaten foar it lêste nijs hjiroer! Beskikbare kaarten: Woansdei 29 maaie 2019 Snein 2 juny 2019

20.00 oere try-out 16.00 oere foarstelling

€10,00 €12,50

Kaarten kinne besteld wurde fia: info@kfeasterein.nl

Wilma Sjaarda

0515-851878


Wilma Sjaarda

0515-851878

Op 24 maaie 2019 hâlde we in badeintsje-race. Jim kinne in lotsje keapje foar €2,00 per stik, 3 foar €5,00 as 7 foar €10,00. Begjin maaie kinne jim ús oan de doar ferwachtsje. We binne drok dwaande mei de prizen en dit wurde klapstikken, dat kinne we fêst wol sizze! Groetnis fan Karin Sjaarda, Mattie Dijkstra, Wiepkje Hiemstra, Wilma Sjaarda en Tettje de Boer

Sjek

Wisten jo dat de Afûk spesjaal foar de redaksje fan ús doarpskrante in Ynspiraasjejûn Frysk Skriuwen it libben yn roppen hat? In goede besteding fan it prizejild, nei it winnen fan Bêste Doarpssjoernalistyk 2015, tochten wy sa.

No ek tennisles foar de jeugd! In oantal jierren hat Smash de tennislessen foar de jeugd ûnderbrocht by de TV fan Wommels. Lokkich nimt de belangstelling fan jongeren wer ta en binne we bysteat om self wer tennislessen oan te bieden. Jongeren fanôf pakwei 12 jier, dy’t ûndersykje wolle of tennisjen by harren past kinne sich opjaan by Otto fan Dyk. Tel. 06 21468087. De tennislessen wurde fersoarge troch Tennisacademie Friesland op moandei-tejûn. Sjoch ek op ús site: www.tvsmash-easterein.nl


D! NIEUW IN FRIESLAN

? willen leren bespelen t en m ru st in n ee g ment of zou je graa s! Speel jij al een instrukschool Friesland aan het juiste adre e les op het instrument dat je Dan ben je bij Muzie en zeer ervaren muzikanten en speelt vanaenf gedeluieedsrsttechniek. ofessionele , bas of zelfs lichtJe krijgt les van pr gitaar, drums, zang , rd oa yb ke , no graag wilt leren. Pia

! n i e r e t s a E n i s e l Nu ookerritgHiintgast avoorr meer informatie, l Bel of mail G schoolfriesland.n ek zi u m t@ ri er g / 06 184 21 578

lfriesland.nl o o h c s k ie z u .m w ww


Opmerklik

Troch Gerben van Snits Eltsenien is it wol ris oerkommen; je skriuwe in ferkeard jier op in formulier as brief. Faaks oan it begjin fan it jier… Yn febrewaris krigen wy in bryfke yn de bus, datearre op “18 Febr. 1918”!

Centerfold Dizze prachtige centerfold (sjoch oare side) is makke troch Andries Veenstra. Dizze en oare luchtfoto’s binne nei foarkar ek op bestelling te krijen.


Snypsnaren: De gersdrûgerij    Troch Jan Hiemstra

As de wyn út it noarden kaam en je yn it doarp in wat swiere weeïge geur rûkten dan wisten je wol hoe let it wie. De waard wer gers drûge. Yn ‘e winter wie der gjin gers en gjin geur, mar maitiids gong it wer oan. Drûge gers foar de kij Goed foer wie foar greidboeren fan grut belang foar in goed miel molke. It fretten bestie út gers, hea en kuil. Om de molkeproduksje te ferheechjen kamen der lynkoeken, biten en pulp by. Ek foar in ko jildt: hoe mear der ynkomt, hoe mear der útgiet. In wiete simmer levere min hea op der ’t te min ynsiet. Kuil wie faaks soer en stonk. ‘Krachtvoer’ wie djoer. Dêr waard wat op fûn: de gersdrûgerij. Droech gers koe it wûndermiddel wurde. Dat is begryplik, want yn goed gers sitte hiel wat ‘voedingsstoffen’, mar sa ‘n 80% is focht. In ko moat moat hiel wat wjerkôgje om yn libben te bliuwen en dan ek noch molke te produsearjen. Soks soe hurder gean kinne mei droege gers op it menu. Yn droege gers sit noch mar in 10% focht. In hap fan 20% of in hap fan 90% makket dan it ferskil! In gersdrûgerij wie yn steat dit ferskil te meitsjen èn it risiko fan in minne simmer te ferminderjen. Oprjochting droegerij Op 13 novimber 1946 fergaderje de tsjerkfâden oer it fersyk fan in nij oprjochte feriening de Coöperatieve Groenvoederdrogerij Oosterend G.A. Dizze feriening wie twa dagen dêrfoar oprjochte en woe graach oan de Itenserdyk (letter Sibadawei 22) in stik lân keapje. (Sjoch advertinsje út Bolswards Nieuwsblad 8 nov. 1946) En sa as it sa faak yn Easterein gong: de tsjerkfâden seagen de sin hjir fan yn. In stik fan it pastorijlân ferkochten se oan de nije feriening. Foar de twadde kear waard de Eastereiner doarpsekonomy oanjage troch de tsjerkfâden. Yn 1897 wie soks bard mei it stichtsjen fan it bûterfabryk. De bou fan de droegerij Rillegau waard begûn mei de bou fan de droegerij yn de kleur fan dy tiid: reade stien, mei ek de dakbedekking fan dy tiid: asbest. Earst moast der in nije daam komme, dy ’t breed genôch foar trekkers en weinen wie. It waard in lyts fabrykje, mei in romte om it gers te droechjen en ien om it te ferwurkjen. It begûn mei ien


droechtrommel. Ferklaaiers- en skaftromte foar it personiel kaam der net, want de minsken ieten thús en ferstrûpten harren dêr. It drûchjen fan gers waard sa ’n sukses dat rillegau útwreide waard. Yn fazen kaam der mear by as der 1948 by de iepening stie. Nei in twadde oven kaam der sels yn 1950 in treddenien. Oan de noardkant waarden loadsen boud foar it opslaan fan gers en kantoarromte. Oan de súdkant kaam in skaft- en in ferklaaiersromte mei dûsen. Soks waard foar it personiel in hiele ferbettering. Dy dûsen wiene net allinne moai foar it personiel mar ek foar it omlizzende laach. Yn in tiid dat gjin ien in dûs hie slûpten dêr wolris famylje hinne om harren lekker te poedeljen! De gersoanfier Om it yn bedriuwsekonomyske termen te sizzen wie it meande gers de grûnstof en it droege gers it einprodukt. It gers kaam fan de leden fan de koöperaasje dy ‘t in leveringsplicht hiene. Mei wiet waar, as der hast gjin hea wûn wurde koe, wie soks gjin probleem, mar yn in droege simmer foel it net ta genôch gers oanfierd te krijen. Dan waard der mei trekkers en weinen oer de Ofslútdyk nei de Wieringermar riden om luzerne op te heljen. Dat wie ek in poer bêst grûnstof wie om drûge te wurden. Yn de begjinjierren wie de oanfier fan gers swier wurk; der moast ‘mei de hân’ laden en lost wurde en de reis nei de boeren gong op iepen trekkers. In learen jas oan en sa no en dan de hagelstiennen om de earen. Nei ferrin fan tiid waard dit hânwurk ferfongen troch in apparaat om it gers te laden en te lossen. Mar waar of gjin waar: gers moast der komme. Op it terrein As de trekkers mei de weinen it terrein fan de drûgerij oprieden moasten se earst lâns it hokje nêst de weachbrêge. It gewicht fan it ynkommende gers waard registrearre. Soks barde ek as it útgeande einprodukt wer nei de boer gong. It ferskil tusken dizze twa registraasjes wie bepalend foar de priis fan it droechjen. Droechjen It droechjen fan it gers barde yn grutte droechtrommels. It waard op it ‘lopende band’ struid, troch in man mei in foarke; letter barde soks ‘automatysk’. It gers fan de ferskate leveransiers moast skieden bliuwe, want elke boer woe syn eigen gers weromkrije. As der dan mei in ‘nije’ boer begûn waard, kaam der earst in toppe strie op de bân, sadat dúdlik wie dat der in oarenien kaam. It wiete gers gong op de bân troch de drûchtrommel. Dy trommel waard waarm hâlden troch in grut fjoer dat op stookoalje stookt waard. It wie hiele smoarge oalje dy ’t by in lege temperatuer hast net rinne woe. Ut de skoarstien fan de drûgerij kaam dan ek in roetswarte wolk.


Ferwurkjen Wie it gers droech dan gong it oer in transportbân nei it perslokaal en waard yn pakken perst. Dit perslokaal wie in stoffige en waarme romte. Yn it begjin wie dit in pers yn de grûn der ’t hiele grutte pakken út kamen dy ’t mei kramtried byinoar hâlden waarden; letter waarden it lytsere pakjes, sa as se no fan heapersen komme. Yn it perslokaal stie ek in ‘hamerklopmolen’ om it drûge gers ta gersmoal te fermeallen. Dat kaam dan yn grutte papieren sekken en waard winterdeis troch de boeren brûkt troch it mei oar moal te fermingen yn de moalbak en dan yn smeuige tastân oan de kij op te fuorjen. It wurk oan de ‘hamerklopmolen’ wie net sûnder risiko. As it gers net roch it apparaat woe moast it in triuwke ha mei de kâns op skea oan fingers en hannen. It personiel Simmerdeis wiene der hiel wat minsken yn trije ploegen op de drûgerij oan it wurk. Se wurken fan 4.00 – 12.00, fan 12.00 – 20.00 en fan 20.00 – 04.00 oere, mar om ’t de wurkwike doe noch 48 oeren wie, moast der op moandeitemoarns midden yn de nacht begûn wurde troch de moarns-ploech en koe de middeisploech earst tsjin 24.00 oere op sneontejûn der mei ophâlde. Sneins waard der net drûge, want dat wie yn ús doarp de rêstdei. Allinne it wurk dat net útsteld wurde mocht dien wurde. Foar de measte minsken wie it wurk foar it simmerhealjier. Wie it seizoen ôrûn dan moasten se wat oars sykje of kamen yn de WW. It fêste personiel bestie út de bedriuwslieder en in technyske man. Letter doe ’t it bedriuw gersbiks produsearre fan simmerdeis makke moal, bliuwden der wat mear minsken winterdeis oan it wurk. De ein fan de droegerij Troch allegearre feroaringen yn it winnen fan gers en ferhegingen fan brânstofprizen, waard it droechjen minder needsaaklik en djoerder. Droegerijen moasten grutter wurde om noch út te kinnen. It gefolch waard fúzjes. Yn 1968 is dy fan Easterein mei dy fan Mantgum fusearre en waard it bedriuw yn Easterein stillein. It krige in nije bestimming en waard ferboud. Bos út Lollum kaam der yn. Foar it doarp gjin efterútgong! De tiid dat de plúm fan de wetterdamp boppe de drûgerij hong wie foarby, krekt as de diskusje oer de ‘geur’. Der wie in nije perioade oanbrutsen.


Programma Keningsdei – Sneon 27 april 2019  09.00 oere: It korps stiet op ferskate plakken yn it doarp te spyljen 09.30 oere: Frijmerk  Opjaan is net nedich! De frijmerk duorret oant in oer as 12. Ek dit jier wer  tusken de Skoalleseize en de klaaiboksen.





      10.00 oere: Keatsen yn ferskate klassen  De ynlis is € 3,-. Opjaan by Romine Jelsma foar tongersdei 25 april 20.00 oere.     Till. 06-22709673 as op opjefte@kfeasterein.nl (Tink om it folgjende: as de opjefte     fia de mail net befêstige wurdt, is de mail net oankommen en stean jim dus ek net op de list!) 











11.00 oere: Eastereiner Oldtimer Show  van 40 jier as âlder,  Ha jo in trekker, auto, brommer as oars wat mei in motor  16.00  oere.   dan kin jim dizze sjen litte oan ús bij de sportfjilden fan 11.00 oant Foar mear ynformaasje kin jim terjochte bij Sjors Rijpma: 0515-332493

 

 























13.30 oere: Jeu de Boules De ynlis is € 1,50. Opjaan by de klup sels as by de heer Ultsje Bouma,  till. 0515-333975.

      

    









De dei wurdt ôfsluten mei muzyk yn De Skoalleseize. Oant sjen op 27 april!



 



 



   12.45 oere: Foksejacht yn Easterein    Foar de bern hat de Oranjeferiening yn Easterein in Foksejacht   betocht.     We geane spultsjes dwaan troch it doarp en gean dan ek op jacht nei de foksen.     Opjaan kin mei it briefke dat op skoalle útdield wurdt.     









 



11.00 oere: Klaverjassen yn de Skoalleseize De ynlis is € 1,50. Yndividueel opjaan yn de Skoalleseize op Keningsdei sels.   12.00 oere: Bôle ite foar alle bern út Easterein oant en mei 12 jier yn de    Skoalleseize. Oanslutend is de foksejacht.

   

    11.00 oere: Fûgelwacht Easterein De Fûgelwacht Easterein stiet bij de klaaiboksen fan 11.00 oere,  oant  16.00   se komme te ielrikjen en soargje foar oare lekkere hapkes!!     






Deadebetinking 4 maaie 2019 De jierlikse deadebetinking foar de skoallebern út Easterein is dit jier op sneon 4 maaie. Fanselssprekkend binne oare belangstellenden mear as wolkom! De betinking begjint om 19.30 oere yn de “Grifformearde tsjerke fan eartiids” oan de Wynserdyk. De doar is iepen fan 19.15 oere ôf. Jo kinne lústerje nei oargelspul. Oant 4 maaie, út namme fan CBS de Foareker, de Oranjeferiening en it Kunstcentrum “In de kerk”. Groetnis, Jan Jetze, Ruurd, Johannes, Vera, Klaas, Hieke, Christiaan, Jelte en Frida

landrover landrover en en 4 4 x4 x4 specialist specialist Sibadawei 1, 8734 HE Oosterend (Frsl.) Tel.: 0515 - 33 12 50 www.elephantoffroad.nl




Bern en dûnsje: All Stars bestiet fiif jier Troch Nathalie Oliveiro

Yn 2014 begûn it dûnsaventoer yn Easterein. Mei alle stipe fan de tsjerke startte ik dûnsgroep All Stars. Al hiel wat famkes en inkeld in jonge ha diel útmakke fan de groep. Op dit stuit stean der eltse tiisdeitemiddei acht fleurige famkes op de dûnsflier: Berber, Femke, Fenne, Jildau, Lotte, Marrit en Marin. Guon sitte der fjouwer as trije jier by, oaren wat koarter: allegear binne se like entûsjast. Ik stelde se wat fragen. Hoe binne jimme hjir sa bykaam? Tryntsje: Myn sus siet der op, en it like mei ek leuk. Marin: Troch in briefke op skoalle. Ik seach dat en waard gelyk entûsjast. De oaren binne meinaam troch in freondintsje dy’t al op dûnsjen siet as troch mem, ‘’dy wurke mei Nathalie’’, fertelt Femke. Wat is jim’ favorite dûns? Hast alle famkes roppe yn koar: de Spaanse dûns! Berber fynt ‘Do you love me’ superleuk en Tryntsje fertelt oer de dûns mei it hartsje. Yn desimber foarich jier hiene we in bysûndere gast, hielendal út Mexico. Tegearre mei Gabriella dûnsen wy op it ferske Poco loco. Thús oefenje? Ja natuerlik! Dêr wurd je linich fan! It leukste fan dûnsles? Se hoege net lang nei te tinken, oer dizze fraach: Oefeningen oer de diagonaal, bygelyks de fuotten heech yn de loft. En rekke en strekke! Mei de hannen de tienen reitsje, flinderje (mei de fuotten yn klearmakerssit en dan op en del bewege), hielendal mei it lichem nei foaren en dan op de grûn lizzen gean. Dat fine de famkes prachtich! Eigen dingen betinke? Dat is ek leuk! Harren favorite dûnsstijl is hiphop en ballet. It leukste oan dûnsles neffens Marin: ‘’dat we altyd posityf bliuwe’’.


Se hâlde fan muzyk: Roar, Rock DJ, We will rock you, ijskoud en Zoutelande. Artiesten as Lil’ Kleine, Ali B, Meisje Djamila en Ronnie Flex wurde neamd. Dûnsje is… Super, cool en hiel leuk, moai, sportyf en gesellich! Wat dogge jim foar in optreden? Goed oefenje, en goed ite. Dat is belangryk! Binne jim’ al entûsjast wurden? En benijd nei dûnsgroep All Stars? Sneon 13.30 hawwe de famkes harren lêste optreden fan dit seizoen yn de Martinitsjerke te Easterein. Net stine, der hinne!


Fûgelwacht Easterein 1e ljipaai jeugd fûn troch Sander Velzen Sander Velzen hat it 1e ljipaai fûn fan de jeugd. Op snein 24 maart om krekt foar healwei 11 fûn Sander in broed yn de 13/1 fan Boer Yntema oan de âld dyk. De 13/1 wie al omdoopt ta jeugdkrite troch de fûgelwacht Easterein. De fûgelwacht Easterein is nei de legere skoalle west om Sander te huldigjen. Gep Bakker fynt 1e ljipaai Easterein Gep Bakker hat op tongersdei 14 maart om goed 16.30 it 1e ljipaai fan de fûgelwacht Easterein fûn. Op de bou fan Hilhorst hie Gep in twake. Gep is op de jiergearkomst fan de fûgelwacht op 29 maart yn it sintsje setten troch de fûgelwacht.

Wolle jo ek genietsje fan it fjild en mei te neisoargje? Elke moandei giet der in groep betûfte aaisykers en jeugd te neisoargjen. We starte om ûngefear 18.45 by de brége en dér wurde ploegen makke om it lân yn te gean. 13 april is de neisoargdei fan de fûgelwacht Easterein. We begjine om 13.30 en sille dan eindigje om 16.45 op de âld dyk. Elts dy wol kin hjir oan meidwaan. Info fia Gerard van Asselt.


Ut de âlde doaze 'Ljouwerterkrante 1975: Earste ljipaai fan Hinnaarderadiel'

Wytlof-stampot

Wisten jo dat Bauke de Boer de alderearste koksmûtse skreau? In hearlik resept fan wytlof-stampot!


 'RDUSVIHHVWHQWRQJHUVGHLMXQ\HQIUHHGMXQ\ ,WWHPDIDQ~VGRDUSVIHHVWLV³-HXJGVHQWLPHQW´ 'H MLHUJHDUNRPVWH IDQ GH RUDQMHIHULHQLQJ LV ZHVW .HQLQJVGHL NRPW GHU ZHU RDQ LW SURJUDPPD KMLU IDQ VMRJJH MLP RS GH RDUH VLGH 0DU GH WDULHGLQJV IDQ GH GRDUSVIHHVWHQ ELQQH GHU HN DO ZHU -LP KD YLD )DFHERRN XV IHUVNDWH LGHHsQ RDQMÂ&#x20AC;Q IRDU GH IHHVWHQ HQ YLD LQ 3ROO KDZZHMLPVWLPWRSLWWHPD-(8*'6(17,0(17 -HXJGVHQWLPHQW LV IRDU HONHQLHQ ZHU ZDW RDUV IRDU LQ WZHLQWLJHU LV GLW IHVW ZHU ZDW RDUV GDQ LQ I\IWLJHU 7LQN KMLU E\ RDQ PX]\N WHOHI\]MH SURJUDPPD¶VRIGHNOHDQ~W G\ WLLG 0DU PLVNLHQ ZLH GHU ZRO LQ VSHVMDOH KREE\ DV QRFKKLHOZDWRDUVOLEMHMLPPH~W 'L]]H SHULRDGH LV IRDU HOWVHQLHQ ZHU RDUVHQGHURPNLQQH MRGHUIrVWZROZDWPHLIRDUGHRSWRFKWDVLWPDWLQHH )RDULFK MLHU ZLH GHU JMLQ RSWRFKW \IP EÂ&#x20AC;QWH -Â&#x20AC;Q :H KRRSMH GLW MLHU ZHU ULV LQ SHDU HNVWUD EXHUWHQ RI IUHRQHSORHJHQ WH VMHQ PHL LQIHHVWZHLQRIULQQHQGQÂ&#x20AC;PHU *RDL LW HINHV \QLQ$SSJURHSNHHQKHDUZDPHLGRFKW\Q GH WDULHGLQJHQ 'DW LV DOW\G LQ JHVHOOLJH WLLG IRDUGDW GH IHHVWHQ EHJMLQQH HQ IDQVHOVPHLGZDDQ LV ZLFKWLJHU GDQ LW ZLQQHQ *URHWQLV2UDQMHIHULHQLQJ2UDQMH +HLWHOkQ  -DQ-HW]H-RKDQQHV-HOWH5XXUG.ODDV&KULVWLDQ +LHNH9HUDHQ)ULGD


Wilhelminanijs Der is hiel wat bard by Wilhelmina de ôfrûne tiid. Wy ha twa hiele moaie  projekten dwaan kinnen en in nije dirigent fûn!  Op sneon 9 maart ha wy it prachtiche konsert Koperkleuren belibbe û.l.f Wilbert Zwier tegearre mei Koperguod û.l.f Andries Kramer. It konsert fûn plak yn de Gasthuiskerk te Boalsert, in hiele moaie lokaasje mei in fijne akoestiek. Wy spielen u.o. ‘Lord of the Rings’en ‘Les Miserables’. Koperguod spiele u.o. op in prachtiche wize it stik ‘De schilderijententoonstelling’ fan Moessorgski. De tsjerke siet moai fol en it wie fijn dat wy in soad Eastereiners ûntfange mochten. Twa wike letter op 23 maart wienen wy foar it earst oanwêzich op it Femuzafestival. En dat ha sy dêr witten ;-) Wy spielen û.l.f. Anne van der Berg fjouwer moaie stikken, wêrûnder ‘Fandango’ en ‘Les Miserables’. De sjuery wie tige te sprekken oer de kwaliteit en muzikaliteit fan ús programma. Dus dat wie in moaie opstekker foar Wilhelmina. De juery beleane ús mei de Femuza-beker. Hjirtroch meie wy op freed 21 juni optrede op it Galakonsert fan Femuza yn Theater Sneek. Allegear fan herte wolkom fansels!

Wilhelmina, © Hans Buren

Op de jierfergadering fan moandei 25 maart j.l. ha wy in nije dirigent útsocht; Anne van der Berg! In entûsjaste en inspirerende dirigent, wêr’t wy fan ferwachtsje dat er Wilhelmina seker fierder helpe kin yn har ûntwikkeling fan musyk meitsjen.


De pipermuntsjetrofee gie dit jier nei Jettie de Jong, omdat sy in ôfgryslik soad pipermuntsjes ferkocht hie. De minsken dy’t net ien repetysje mist hienen it ôfrûne jier, waarden beleane mei in potlead. It wurde der elk jier mear! Dizze kear wienen it Peter de Jong, Sydrik Kooistra, Imie Veninga en Amarins de Haan.

Ek yn it bestjoer binne wikselingen west. Wy ha ôfkied nommen fan Joke Kolthof en Reina Hibma. Joke hat neist algemiene saken in hiel soad foar de jeugdkommisje dien. Reina hat as penningmeester in soad subsydzjes foar ús los helle. Beide dames waarden hertlik betanke. De bestjoersfunksjes binne opfult troch Tineke Meijer en Wilma Overal. Sy waarden wolkom hjitten troch foarsitter Rindert, dy’t sels oanjûn hat syn termijn ferlengje te wollen. Wy binne der hiel wiis mei dat sy dit dwaan wolle! De Fryske Boekenaksje komt der wer oan! Fan te foaren krije jim allegear in flyer troch de bus, sadat jim fêst in kar meitsje kinne út it grutte oanbod oan berne- en folwoeksene boeken. Wy komme mei kroaden fol by jo lâns op tongersdei 11 april fanôf 18.30 oere. Op Keningsdei kinne jim ús moarns betiid wer spieljen heare op ferskate plakken yn ‘e buorren. Mei hertlike groetnis, Ut namme fan bestjoer en leden Wilhelmina, Tina de Boer


Fraach âld-redaksjeleden EAS ASTE STE REIN, IN N, m N, TERE ma aa aiie 2017

Wat was je leukste activiteit/opdracht  voor het Doarpskrantsje? Anneke: ‘’Alles wie leuk, mar it Trou nûmer springt der boppe út! Mei syn allen op de foto. En, Bern en bist! It alderearste boekje, dat wie super spannend.’’

rou tema: T

DOARPSKRANTSJE

Yvonne: ‘’De leukste opdracht fûn ik it meitsjen fan in temanûmer. Bynamme it Sinteklaasnûmer en it boekje oer “trou” wiene geweldich om te dwaan. Hiel ynspirearjend en it soarge derfoar dat we ek wer ideeën krigen foar de kommende boekjes.’’

Hinke: ‘’Myn taak doe by it doarpskrantsje klinkt net aardich, mar ik mocht ik graach dwaan. Ik moast de skriuwfouten út de stikjes helje dy’t skreaun wiene troch de doarps-krantsje-kollega’s en sjen as de sinnen wol rûnen. Núver hè, dat in minske dêr fan genietsje kin. En wat dan eins it aardichste wie, as ik net wist hoe it wurd skreaun wurde moast.’’ Elisabeth: ‘’Einlik wie alles leuk wat ik dien ha, bygelyks sels betochte stikjes oer it aaisykjen mar ek ynterviews, allinnich as tegearre mei ien fan de Van Beem froulju. Sa ha Yvonne en ik by de freed-te-jûn-follybal-mannen in erg leuke jûn hân wêrby wy it fuort iens wiene dat net alles yn it artikel komme koe wat dêr bepraat waard, want dan wie ik boekje fol west. Mar ek de rubriken dy’t úteinliks net fierder dan 1 artikel fan de planke komme binne, sa as ‘’Any body’s tatoeaazje’’ en oer de grientebou ‘’Hoe grut is jo…’’. Dat hat sa wêze moatten en we ha der yn de redaksje yn elts gefal in bulte wille om hân! Uteinliks is it belangryk dat je oer iets skriuwe wat je leuk fine, oars wol it net. Bin bliid dat de huidige redaksje it ek noch eltse moanne wer foarelkoar kryt om in krantsje te meitsjen, ik wit hoe pittich dat soms wêze kin, hulde en lokwinske fansels!’’


6WÆQS-I[\MZMQV

Sibadawei 2, 8734 HE Easterein Telefoon: 0515 - 331290 - Restaurant-partycentrum -

6WÆQS4IVO_IZ

Buorren 31, 8525 EC Langwar Telefoon: 0513 - 499169


QEPjIdk[jŸ]<gdhXg<[jI<hjIgIQ[qQ[jI<ghjIdgQQh‰  ]<gGIG]<gdhXg<[jIN<[Z<<QIÃÁÂÆhXgI<k[IIgDI[I[IGqQEP]]Qhjg< ‘’jI<ghjI<<Q’’[X[<dhjQXjIXhjI[G<jDYsXjI IOWQ[ÃÁÂÇqQ[j ]<gdhXg<[jI<hjIgIQ[ZIQGQj<gjQXIYGII<ghjIdgQQhN]<gDLhjIgshXI ]<gdhhW]Ig[<YQhjsXÃÁÂƐ[qQIgPQEPjIdk[j‰jhjQX[]EPgQhYLvI‹I<[O<k [IQGIqIDhQGI‰  

 j"QWh

 

 <hjIgIQ[ŸNg<<EP²]<[D]G²h<

 

 /[IIXIg"QIkqhDY<G


 



   <hjIgIQ[Â&#x;Ng<<EP²]<[D]G²h<

IgI<XhWIhqQI[IOIqIYGQEPÂ&#x2030;




 ]]pWI[GhWkIgsX]ZZI[j<<gN]<gIgDI[I[IGqQEP 

 j"QWh



 ]j]jg]EPQ[[I ]XZ<






0m[jhWIYI<NP<qqIghN<[<hjIgIQ[ jN]<gWQIgX]ZjGIgqIg]<[I[GIjm[XQ[qIg XYI<gZ<XXIqkgGIP<WQZZIhQ[I[[]EPj]ZWQZZI IQOI[OgQI[jIjINIgD]kqI[[QZX][j<Xj]dZIQGI

“0m[D]kqNIgQI[Q[O<hjIgIQ[” I[PQIgQ[hjQXWID]kqOgm[]<[GIhX]<YYIhjgWQjjI

 

$dW<<[Ds/QEE]/EPIYjIZ<jIYÁÆÂÆÄÄÂÃÄÆ I[<YDI$pIg<YdIgZ<QYP<YDIjQ[IXI³OZ<QYE]Z





1j[<ZZIN<[GI“0m[D]kqNIgQI[Q[O<hjIgIQ[”


Passage Easterein Christelijke Maatschappelijke Vrouwenbeweging Op woensdag 17 april om 19.45 in de Skoalleseize te Easterein. Deze avond komt de Hr. A. Ferwerda uit Oppenhuizen. Met De Lezing “De natuur dicht bij huis”. Misschien weleens te dicht bij huis. Hij gaat ons alles vertellen over de muskusrat en de steenmarter. Iedereen is van Harte Welkom.

Dinsdag 14 mei  Tussen 17.30 en 19.30 uur Grote huis aan huis actie voor de Voedselbank Bolsward Deze actie wordt op touw gezet door de diaconie.


^dZ/EZWh> ƚƌŽĐŚ'ƌĞĞƚŽƵŵĂ

ũ ƚ Ɛ Ğ Ğ Ĩ Ɛ Ɖ ƌ Ă Ž Ě Ɛ Ɛ Ğ

Ğ Ŷ Ŭ Ğ Ă ƚ Ɛ Ĩ Ğ ƌ ŝ Ŷ ŝ Ŷ Ő

ƚ Ğ Ž ů ď Ğ ƚ Ğ Ă Ě Ğ ƌ Ŷ ď ŵ

ƚ ƚ Ă ƚ Ă Ğ Ă ƌ Đ ƌ Ĩ Ă Ğ ƌ Ă

ŝ Ɛ ů Ɛ Ŷ Ƶ Ă Ă ƚ Ğ Ă Ě Ğ Ƶ ƌ

ũ ŝ ů ŝ Ŭ Ă ƌ ƌ ŝ ŝ Ğ Ğ Ŷ ŝ ƚ

ƌ ǁ Ğ Ƶ ũ ƌ Ă Ě Ğ Ŷ Ŷ Ŷ Ŭ Ŷ ŝ

ƚ ƚ Ɛ ũ Ğ ƌ Ŭ Ğ ď Ƶ Ž ƌ ƌ Ğ Ŷ

Ɛ Ɖ Ğ ů Ğ ƌ Ɛ ƌ ƌ ŝ Ĩ Ğ Ž Ɛ ŝ

Ğ Ƶ ŝ ŝ Ɛ Ɛ Ž ŵ Ƶ ƌ ů ũ Ğ ƚ ƚ

ů Ŷ nj Ƶ Đ Đ Ă ŵ ŝ ƚ ŝ Ɛ Ɛ Ě Ɛ

ů Ğ Ğ ŝ Ś Ś Ś Ğ Ž Ŭ Ŭ ƚ Ŷ ƚ ũ

Ă ŝ ď ũ Ƶ Ƶ Ɛ Ğ Ž Ž Ŷ ŝ Ă Ŷ Ğ

Ž Ž Ğ Ɛ ů ŝ Ă Ă Ŷ ŵ ƌ Ă Ă Ğ ƌ

Ŭ Ž ŝ Ě Ě ŵ Ž Ɛ ƚ Ğ ƌ Ě ƌ Ž Ŭ

Ɛ Ő Ğ ƚ Ŷ Ă ƌ Ŭ Ɛ Ɖ ƌ Ă Ž Ě Ğ

^ŬŽĂůůĞƐĞŝnjĞ

ŽĂƌƉƐĨĞĞƐƚ

^ĐŚƵŝŵ

ZĂĚĞŶ

dƐũĞƌŬĞďƵŽƌƌĞŶ

^ŬŽĂůůĞƐƚƌũŝƚƚĞ

dǁŝƐƚĞŶ

ŽĞŶ

DĂƌƚŝŶŝƚƐũĞƌŬĞ

ĞĚĞŶďƌŽĐŚũĞ

ĐĐƵ

ŝũƐ

^^

<ĞĂƚƐĨĞƌŝŶŝŶŐ

ĂŶŬũĞ

^ŶĂĂƌ

^ĞďĞĂƌĞ

EŽĨůŝŬ

:ƵŝƐƚ

<ƌŽĞƐ

ZĞĂĐƚŝĞ

/ŶĞĞŶ

ƌĂŶŬ

&ƌŝƐ

ƌƵŝŶĞ

&ƌŝĞƐ

DŽƐƚĞƌĚ

^ƚĂĂƌ

ŽĂƌƉƐŬƌĂŶƚ

^ĐŚƵůĚ

dƐũĞƌŶĞ

ƌŽŽŵ

WƌĂĂƚ

ŝĞĨ

^ƉĞůĞƌƐ

hŝů

>ŝĂĂŶ

:ĂĂƌ

'ŽŽŝĞŶ

ƌŵŽĞ

ƌƵŝ

EĂĂŝ

^ŶĞƌƚ

,ƵůĚĞ

ZĂƌĞ

EĞƐƚ

 




nieuwsgierig





 



 



 

 

  















 





 







 





 

   

 

 

 





 

 



 



  

kansen. Welkom bij van der Eems.

VA N D ER EEM S . N L E A S T ER EI N / HEER EN V EEN

Profile for Silvia Hania

Doarpskrantsje april 2019  

Doarpskrantsje april 2019

Doarpskrantsje april 2019  

Doarpskrantsje april 2019

Advertisement