Page 1

de lytse

nr.2 2015/2016

Fryske apps foar de lytskes Voorlezen maakt baby’s slimmer Ynbakerje M ei Fry s k e s l iep fer s k e s, ry m k e s, p o p p eb o ek j e s, a p p s en n o c h f o l l e m e a r!


Alwer in Fries! 2

5

7

6

9

13

8

11

10

12

17

14

15

18

4

3

1

Ik joech dy net it libben, mar it libben joech my dy.

19

20

16

21

1: Tjimme de Vries, Earnewâld 2: Ingmar Gerben de Haan, Koatstertille 3: Niels Dam, Opende (Gr.) 4: Wessel Atze Nijhuis, Garyp 5: Jens Hansma, Reitsum 6: Roan Siemen Haaima, Eanjum 7: Sander Ykema, Parregea 8: Brecht Korenblik, Bitgum 9: Yinthe Buursma, Ferwert 10: Melle Wiersma, Wommels 11: Hidde Klaver, Wytmarsum 12: Jilles van der Land, Feanwâlden 13: Yenthe Reitsma, Holwert 14: Dewi Johanna Anna van der Heide, Harns 15: Jurre Veldkamp, Drachten 16: Jesse Hendrik Zijlstra, Burgum 17: Jelrik Andrys Brouwer, Kollumersweach 18: Fenna Nadine van Dam, Bakhuzen 19: Jurre Hoen, Lúkswâld 20: Fardau Anne Kooistra, Makkum 21: Roan de Vries, Ljouwert


Lokwinske, jim binne krekt heit en mem wurden fan in prachtich berntsje. In berntsje hielendal fan jim. Mei tsien lytse teantsjes en tsien lytse fingerkes. En wat is it in leaf lyts popke! Gelokkich binne de measte heiten en memmen op slach ferlyfd en fereale op it nije wrâldwûnderke en faak rinne pake en beppe foarop, want it is feest mei de nije pake- en beppesizzer. Doe’t ik hast befalle moast, fûn ik it hiel spannend. ‘Nergens foar nedich’, fertelde de ferloskundige my. En freonen seine: ‘Och frommes, wat makkest dy drok? Deis wurde der tûzenen bern berne en de measten binne sa sûn as in fisk.’ Mar ik hold myn fingers ‘crossed’. Want it is fansels gjin garânsje dat it altyd goed giet. Soms sjitte berntsjes noch yn de swangerskip it libben derby yn. Somstiden is it ‘kantje boord’ en wurde bern te betiid berne. Dan ‘donderest’ fan de rôze wolk ôf, sa fertelle de memmen Dorina en Greetje dy’t beide meimakken dat har jonkjes de earste tiid fan har libben yn de kûveuze moasten. Meastentiids giet it goed, mar spannend bliuwt it seker. Eins werkenst it al, as de poppe krekt yn dyn earmen leit: it gefoel datst it as in liuw beskermje silst, tsjin alle tsjinslaggen yn syn libben… bist der eins al op taret dat it barre kin, of barre sil. Al komt it soms út ûnferwachte hoeke. Mar gjin noed, hast alle leave lytse poppen wurde grut, stapke foar stapke. Se reagearje op jim stim en op dy fan broerkes en suskes, as dy der al binne. Se slaan mei hantsjes en fuotsjes en meitsje lytse bliere pruttellûdsjes as teken fan har wolwêzen, se gunne dy har earste glimp en it earste tútsje… en do, do bist sa grutsk as in pau! En nei de lytse brr- en prr-lûdsjes rôlje jim, sûnder datst it trochhast, samar yn in nije faze. Dan wurde lytse belleblaaslûdsjes bewuste klanken. Wedzje datsto tinkst: dream ik no of…? En asto it wurd werhellest, wurdst beleanne mei in smile fan ear oant oar. En wat dêrnei folget… in faze fan in ûntelbere stream lûden en wurden fan in leaf berntsje dat dy de earen fan de holle kletst, ûnder iten praat, yn bad, op bêd, ûnder de tekkens, asto deawurch bist, ast einliks, einliks eefkes op de bank hingest nei in dei hurd wurkjen, itensieden, ensfh. En asto dan útleist dat heit en mem no eefkes wurch binne… dan freget de lytse samar op in dei: ‘Mar wêrom dan, mem?’ Pfieuw, alwer yn in nije faze bedarre! Mear lêze oer it earste jier fan jim poppe en hoe’tsto dy dertrochhinne slaan kinst… blêdzje dan gau fierder yn dizze twadde edysje fan De lytse Heit & Mem. In protte lêswille tawinske! Redaksje Heit & Mem

1


ynhâld ‘de lytse’

nr.2

Taaltaske Us Lytse Heit en Mem wurdt fergees ferspraat yn in oplage fan oplage fan 8.000 eksimplaren fia it Taaltaske. It Taaltaske is it kadootsje fan de provinsje Fryslân foar jonge âlden by de oanjefte fan in berte, en hat ta doel om harren te ynformearjen oer de foardielen fan it opgroeien yn in meartalige situaasje, en om it brûken fan de Fryske taal yn it bysûnder, te stimulearjen. Der wurdt wurke neffens in redaksjestatút dat boarch stiet foar de ûnôfhinklikheid fan de redaksje. De Lytse Heit en Mem past yn de rige fan Heit & Mem dat mei trije útjeften yn 2015 ferskynt, de Lytse Heit en Mem is hjir ien fan. De Lytse Heit en Mem is in meartalich tydskrift en spesifyk rjochte op âlders mei jonge bern (0-2 jier) yn Fryslân.

44

59

Kolofon Redaksje-adres/ útjouwer:

Redaksje

Aukje Mulder Carolien ter Schuur Ciska Noordmans Dieuwke van der Meer Idske Bangma

Haadredakteur: Ernst Bruinsma

Meiwurkers:

Amber Boomsma Aukje Mulder Nynke van der Zee Thea van der Schaaf Paul van Dijk Klasina van der Werf

Afûk Postbus 53 8900 AB Ljouwert www.afuk.nl e-mail: ynfo@afuk.nl / ynfo@heitenmem.nl tel.: 058 - 234 30 70

Yllustraasjes:

Side 41: Natascha Stenvert Side 64: Anjo Mutsaars

Resept út:

De nije petiele

Foarmjouwer:

BW H ontwerpers www.bwhontwerpers.nl info@bwhontwerpers.nl tel.: 058 - 213 35 43

Korreksje:

Ytsje Steen-Buwalda info@sekuer.nl

Fotografy:

Het Hoge Noorden www.hogenoorden.nl info@hogenoorden.nl tel.: 058 - 215 79 66 Fotografie Lydia www.fotografielydia.nl info@fotografielydia.nl tel.: 06 - 25 13 58 98

Printwurk:

Senefelder Misset www.senefelder.nl info@senefelder.nl tel.: 0314 - 35 55 00

Abonnemint

Mei in abonnemint op it blêd Heit en Mem wurde jo foar € 10,- trije nûmers tastjoerd. Sjoch op www.heitenmem.nl foar mear ynformaasje. ISSN: 1878-4437 Heit en Mem kinst ek folgje fia:

Utjûn mei stipe fan de


08

26 04 48 01 Fan de redaksje 02 Kolofon 04 In kwetsber begjin 08 Apps foar de lytskes! 09 Sliepferske 10 De voordelen van een tweetalige opvoeding 14 ‘Ons gezin is topsport’ 18 De hielprik... en daarna 21 Foarnammen 22 Taalûntwikkeling by jonge bern 25 Kollum Paul van Dijk 26 BoekStart maakt baby’s slimmer! 28 Talige ontwikkeling! 30 Poppeklean fan eartiids 32 Hoe overleef ik... it earste jier fan ús lytse poppe? 2

3

34 Babyboeken top 10 36 Foar de earste kear Heit & Mem 38 Het KISS-syndroom 41 Bernepraatsjes 42 Kreamkadootsjes op syn Frysk 44 De babykeamer 48 Poppeherinnerings 50 Wat gjinien dy fertelt oer de kreamtiid 53 Trakteare - Traktaasje 54 Ferneamd! 56 In ‘griene’ poppe 59 Kollum Klasina van der Werf 60 Ynbakerjen as helpmiddel 62 Ferskes foar op skoat 64 Te lêzen op heitenmem.nl 65 Spreuktegel


4

5

Nynke van der Zee

In kwetsber begjin


Lytse, trochskinende hantsjes en fuotsjes, oeral slankjes en in wirwar fan triedden dy’t mei plakkerkes fêstsitte op it poppelyfke. Wa’t wolris op de kûveuzeôfdieling fan in sikehûs west hat, wit hoe yndrukwekkend it is om al dy lytse poppen dêr te sjen. Dorina van der Ploeg-Rodenhuis en Greetje Elzinga-Hettinga hawwe sels ûnderfûn hoe’t it is as dyn lytske dêrtusken leit. ‘It is de meast hektyske en heftige perioade út dyn libben.’

Draak fan in befalling Bouwe leit lekker te sliepen yn syn bernewein, de earste maitiidssinnestrielen glydzje oer syn blauwe romperke. Grutsk lit Dorina har mantsje sjen. Op 10 oktober ferline jier kaam er op de wrâld, nei in swangerskip fan noch mar 29 wiken en 6 dagen. ‘Achterôf sjoen wie it in draak fan in befalling’, fertelt Dorina. ‘Begjin oktober rekke ik nei it sikehûs yn Grins. Ik hie lêst fan hurde bûken, ferlear hieltyd bloed en krige fierstente betiid weeën. Mar se koene yn it sikehûs net ûntdekke wêr’t dat troch kaam. Fan tefoaren hiene wy al ôfsprutsen dat Bouwe berne wurde soe mei in keizersnee. Mar it gong allegearre hiel oars as wy tocht hiene.’ Op de betide moarn fan 10 oktober kriget Dorina yn it sikehûs op ’e nij weeën en beslute de dokters om ta in keizersnee oer te gean. Sûnder freon Bauke, dy’t sa rap net út Rie nei Grins komme kin, befalt Dorina fan har soantsje. It wurdt yndied in keizersnee, mar maklik giet it net. Fan alle kanten wurdt der oan it lytse jonkje omlutsen om him mar út de bûk te krijen. Fuort nei de befalling moat Bouwe mei spoed nei de intensive care, dêr’t er yn de kûveuze lein wurdt. Dorina kriget net iens de tiid om him te besjen. ‘Dat wie echt it meast nuvere gefoel dat ik ea hân ha, datst krekt

befallen bist mar dyn berntsje net iens sjen kinst. Sa ûnwerklik fielde dat op dat stuit.’ Minyminskje Greetje knikt as se it ferhaal fan Dorina heart. Har soantsje Hidde waard ek fuort nei de befalling nei de kûveuzeôfdieling brocht. ‘Moandei 3 novimber, op de alderearste dei fan myn ferlof, is Hidde berne’, fertelt se. ‘Ik hie der sa lang nei útsjoen om seis wiken lang de tiid te hawwen om hearlik ta rêst te kommen en my ta te rieden op de befalling, mar foar’t ik it wist wie er der al’, laket se. Hidde waard berne nei in swangerskip fan 34 wiken en ien dei. ‘It wie echt sa’n minyminskje doe’t se him by my op ’e bûk leine. Krekt efkes mochten myn man Andries en ik him besjen, doe waard er nei de kûveuzeôfdieling brocht. It momint dat se dyn poppe by dy wei helje, dat fielt sa tsjinnatuerlik.’

‘It wie echt sa’n minyminskje doe’t se him by my op ’e bûk leine.’


‘Dat fielt sa ûnwerklik, datst befallen bist mar dyn berntsje net iens sjen kinst.’

De rôze wolk Nei syn berte moat Hidde hast trije wiken yn it sikehûs bliuwe. Bouwe sit yn in langer trajekt. Al mei al leit er seis wiken yn de kûveuze en noch twa wiken yn in widze yn it sikehûs. Tiid om op dy rôze - of yn dit gefal blauwe - wolk te sitten, ha beide froulju dan ek net. ‘Fansels hast wol echte geloksmominten, want bist bliid dat dyn bern sûn is’, jout Greetje ta. ‘Mar dat yntins gelokkige memmegefoel begjint eins pas wat te kommen no’t wy thús binne.’ Ek by Dorina is de rôze wolk fier te sykjen yn de earste wiken. ‘Us oare bern, Myrthe fan 9 en Jarno fan 7, fûnen it yn it begjin hielendal net sa leuk. Se mochten Bouwe sels net fêsthâlde, en hast al ús oandacht gong nei him. Dat kloppe hielendal net mei wat wy de bern fan tefoaren ferteld hiene. It soe just hiel gesellich by ús wurde as Bouwe der wie, hiene we beloofd. Dus dat makke it dûbeld sa lêstich.’ Yntusken dogge beide mantsjes it goed. Wol fernimt Dorina dat se ekstra foarsichtich mei Bouwe omgiet. ‘Ik kin him wol út hannen jaan oan famylje en freonen, mar ik wol him leaver sa ticht mooglik by my yn de buert hâlde. Myn freon Bauke fernimt dat by himsels ek. Wy steane der dochs oars yn omdat it begjin sa dreech wie.’ Greetje werkent dat gefoel. ‘Doe’t wy thúskamen, 6

7

ha we earst de besite wat ôfholden. Wolst gewoan efkes mei syn trijen wêze. Mar no’t Hidde hieltyd grutter wurdt, binne wy dat foarsichtige wol wat kwyt. Hy groeit goed, dus dan giet dat kwetsbere der al gau ôf. It is no in poppe lykas alle oare poppen.’ Skuldgefoel En dan bliuwt der fansels altyd de fraach: wêrom oerkomt my dit? Greetje knikt. ‘Ik ha mysels seker yn it begjin ôffrege oft ik wat ferkeard dien hie. Begjinst dochs oan dysels te twiveljen. Mar se ha yn it sikehûs ûndersocht wêr’t it oan lein hat en koene neat fine. Hidde fûn it dus simpelwei tiid om te kommen.’ Ek Dorina rint lange tiid mei fragen om. ‘Hie ik miskien rêstiger oan dwaan moatten? Ha ik net goed nei myn lichem lústere? Dat soarte fragen spûken my troch de holle. Mar no wit ik dat it sa wêze moatten hat. Dat kostet efkes ferwurkingstiid. En dat jildt foar ús hiele gesin. Mar ek Myrthe en Jarno ha it in plakje jaan kinnen. Lêsten seine se: “Mem, wy binne hiel ferliefd op Bouwe.”’


Apps

Ek leuk, tegearre mei dyn lytse op de tablet boartsje. Der binne in soad apps foar

foar de lytskes!

bern makke en fansels ek yn it Frysk. Wy jouwe jim in oersjoch fan Fryske apps dy’t geskikt binne om mei bern fan ien jier ôf te dwaan.

F oar : i P ad e n A n dr o id P riis: fergees

Boartsje mei Tomke Sjoch nei de film of lês it ferhaal foar. De app bestiet út seis Tomkeferhalen, mei moaie grutte yllustraasjes by hieltyd koarte stikjes tekst. Oan ’e ein fan it ferhaal kinst in puzel dwaan. Ek kinst derfoar kieze om it spultsje ‘sykje it plaatsje’ te dwaan. �������������������������������������������������� F oar : A n dr o id, iPhone, i P ad e n i P o d touch P riis: fergees

Rinze syn jierdei Rinze fiert hjoed syn jierdei. Taart, kadootsjes en besite, sa’n feestje makket kikkerts bliid! Rinze syn jierdei is in leuk en boartlik e-boek foar beukers, fol mei ynteraktive eleminten. ������������ Lytskes De dvd ‘Lytskes’, mei ferskes dy’t animearre binne mei bylden, is in grut sukses en dêrom is dêr no ek in app fan makke! Moai om tegearre mei dyn lytse op skoat te sjen nei de bylden en te lústerjen nei de moaie ferskes. Wa wit kinne jim al gau tegearre meisjonge mei de ferskes. Yn de app sit ek noch in spultsje, wêrby’t it bern de plaatsjes nei it goeie plak slepe kin. • • • • • • • • • • • • • •

F oar : i P ad e n A n dr o id

P riis: Hantsjes yn ’e hichte, fergees Friese kinderliedjes Sykje it plaatsje op yn de trije sykplaten. Fûn? Sjoch nei it filmke mei in lietsje en doch mei! De Fryske lietsjes, fiif nije en tsien tradisjonele, wurde songen troch Janneke Brakels mei begelieding op piano troch Cor Bakker. Guon lietsjes binne geskikt foar de alderlytsten, oaren foar beukers en guon foar de leeftiid dêrtuskenyn. ••••••••••••••••••••••••••••••

Wat heart wêr? Foar bern fan sa’n twa jier ôf is der de app ‘Wat heart wêr?’, yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk. It is in spultsje wêrby’t bern foarwerpen nei it goeie plak slepe kinne. Se krije dêr hieltyd it bypassende wurd en lûd by te hearren. De bern kinne kieze út ferskate sitewaasjes, lykas: yn de dieretún, yn de tún, yn de húskeamer en op strjitte. • • • • • • • •

F oar : i P ad e n A n dr o id P riis: fergees


Sliep, popke, sliep, dêr bûten rint in skiep. Dêr bûten sjongt in bûnte ka. Popke doch dyn eachjes ta. Sliep, popke, sliep! Sliep, popke, sliep, jim heit dat is in skiep. Dan sjongt er nachts oan ’t widzetou, sliep popke, sliep mar gau. Sliep, popke, sliep. út ‘Hop Hop Hynke’ 8

9


‘Mem, mag ik nog een bytsje ketchup?’ De voordelen van een tweetalige opvoeding


10

11

Nynke van der Zee


‘Mem, mag ik nog een bytsje ketchup?’ ‘Jawol, meist it sels wol efkes pakke fan it oanrjocht.’ ‘Papa, mag ik dan na het eten nog even op de iPad gamen?’

Aan de keukentafel bij Hendrika en Anne van der Kooij uit Stiens komen tijdens het avondeten niet alleen heel wat onderwerpen voorbij, maar ook heel wat talen. Fries, Nederlands en af en toe een woordje Engels. Jort (4) en Mare (7) draaien hun hand er niet voor om. Het gezin kiest bewust voor een tweetalige opvoeding, waarin het Fries en het Nederlands naast elkaar worden gebruikt. ‘Dat dogge wy konsekwint, mar wol hiel linich’, lacht mem Hendrika. Zelf komt Hendrika uit een Friestalig gezin en groeide ze op in het kleine dorpje Pingjum. ‘Wy praten altyd Frysk, thús mar ek op skoalle en mei freondintsjes.’ Wanneer ze Anne ontmoet, die uit IJsselstein vlak onder Utrecht komt, wordt de voertaal Nederlands. Als dochter Mare geboren wordt, rijst de vraag welke taal ze haar zullen leren. Al snel ontstaat er een prachtige symbiose: Anne spreekt Nederlands, Hendrika Fries. ‘Dat voelde gewoon goed, om beide je moedertaal te spreken’, legt Anne de keuze uit. ‘Niet dat ik geen Fries versta, maar zo leren Mare en Jort al van jongs af beide talen. Dat ervaren ze later denk ik alleen maar als een rijkdom.’

Verrassende taalcomposities Wie vanaf de zijlijn het familiegesprek aan de keukentafel volgt, ontdekt verrassende composities van verschillende talen. Op een Friese vraag van Hendrika volgt een Nederlands antwoord van Mare of Jort. De kinderen hebben dus bewust gekozen om zelf de Nederlandse taal te gebruiken. ‘Dat fûn ik yn it begjin sa nuver’, vertelt Hendrika. ‘Ik prate de hiele dei Frysk tsjin de bern en toch brûkten se sels it Nederlânsk. Op de ien of oare wize ha se dat keazen as fiertaal.’ Af en toe leest Anne wel eens een boekje voor in het Fries, om te laten merken dat ook hij het best kan spreken. Maar alleen bij pake en beppe in Pingjum gaat de knop bij Mare en Jort om. ‘Dan prate se wol Frysk.’

‘Wat ik belangrijk vind, is dat ze het Fries straks in ieder geval kunnen verstaan’. Ook tijdens het spelen met vriendjes en vriendinnetjes wordt er alleen Nederlands


gesproken, merkt Hendrika. ‘Lêstendeis wie Mare mei in freondintsje op de trampoline oan it boartsjen. Doe’t se my wat freegje woe, sei se “Hee mem...” Har freondintsje rôp ferbaasd: “Spreek jij Fries?” Mare skodde fuort de holle. “Nee hoor!” Krekt as fynt se it op dit stuit net stoer om Frysk te praten. Mar ik hoopje wol dat dat noch komt.’ Anne knikt. ‘Stiens is best een Nederlandstalig dorp, waar ook de buurkinderen vooral Nederlands praten. Maar wat ik veel belangrijker vind, is dat Mare en Jort het Fries straks in ieder geval kunnen verstaan. En ik weet zeker dat ze het ook kunnen spreken, maar dat doen ze waarschijnlijk pas als ze er zelf de meerwaarde van inzien.’ Absolute meerwaarde Dat tweetalig opvoeden zeker meerwaarde heeft voor kinderen, weet Hendrika vanuit haar beroep als leidster op een tweetalig kinderdagverblijf. ‘Ik praat as Fryske liedster allinnich mar Frysk tsjin de bern. Dêrtroch pikke se de taal hiel goed op, foaral as se lyts binne.’ Uit onderzoek blijkt namelijk dat kinderen op jonge leeftijd heel gemakkelijk een nieuwe taal leren. Deze taalgevoeligheid neemt na hun zevende levensjaar geleidelijk af. Het is dus een kwestie van zo vroeg mogelijk beginnen. Maar tweetaligheid heeft meer verrassende voordelen.

‘Twataligens hat safolle foardielen, dat ik it elkenien oanriede kin’. Symbolische dubbelvla Inmiddels is in huize Van der Kooij het toetje bijna op. Dubbelvla; het lijkt wel een symbolische afsluiter voor het gesprek over de tweetalige opvoeding. ‘Geel en roze zorgen samen voor een heerlijk resultaat’, lacht Anne. Hendrika knikt. ‘Twataligens hat safolle foardielen, dat ik it elkenien oanriede kin. Frysk is miskien gjin “wereldtaal”, mar sa hâldst de taal yn elk gefal yn stân. Dat fyn ik wol hiel belangryk. Want earlik is earlik: de Fryske taal is toch unyk?’ 12

13

Wat zijn de voordelen van een tweetalige opvoeding? • Meertalige kinderen kunnen beter reflecteren op taal, doordat ze weten dat er verschillende woorden bestaan voor hetzelfde onderwerp. • Een tweetalige opvoeding zorgt voor een verhoogde hersencapaciteit, doordat de kinderen het grammaticacentrum in hun hoofd dubbel trainen. • De communicatie met familie in de tweede taal verloopt beter. • Uit onderzoek blijkt dat hoe meer talen een kind leert, hoe beter het zijn moedertaal gaat spreken, omdat het sneller verbanden kan leggen en meer taalinzicht ontwikkelt. • Angst voor taalachterstand is dus niet nodig.


Amber Boomsma

‘Ons gezin is topsport’


14

15


Hij zorgt thuis voor structuur in het gezin, zij verdient de kost. Michel (36) en Wemke (34) doen aan topsport sinds hun tweeling vorig jaar in april werd geboren. Ze hadden al drie kinderen, waarvan de oudste bovendien veel begeleiding nodig heeft wegens een verstandelijke beperking. Pittig, maar ze kozen toch voor de droom van een vierde kind. En toen kwamen er ineens twéé baby’s bij…

Op hun oprit in de Friese hoofdstad staat een forse auto voor zeven personen geparkeerd. In huis is het relatief rustig: oudste dochter Maud (11) is nog op school, zoon Romijn (7) staat op het punt om te gaan voetballen en de tweeling doet een middagslaapje. Alleen hun broertje Lumen (bijna 4) babbelt gezellig mee op de bank. Voor het raam staat een enorme zelfgefabriceerde box, die Michel en Wemke hun kippenren noemen. ‘Vooral Maud zit graag bij de baby’s in de box en zo hebben ze alle ruimte om veilig te spelen’, vertelt het stel. Hun oudste dochter heeft bijna de puberleeftijd, maar functioneert op kleuterniveau door haar verstandelijke beperking. ‘We kunnen haar dus nooit zonder toezicht alleen bij de baby’s laten.’ De wind eronder De combinatie van zorg maakt dat het hard werken is voor de jonge ouders. ‘Een tweeling is best te doen, hoe intensief het ook is’, stelt Michel, die als thuisvader het leeuwendeel van de opvoeding doet. ‘Maar Maud, de beide jongens en de tweeling sámen, dat is pure topsport. Met drie kinderen vond ik het al een uitdaging, door de extra begeleiding die onze dochter nodig heeft. Toch had ik de wind er heel aardig onder

en de situatie was in balans. Dus toen Wemke graag nog een baby wilde, stond ik niet meteen te juichen. Omdat een gezin met vier kinderen haar droom was, hebben we na rijp beraad toch besloten voor gezinsuitbreiding te gaan. Toen de echo vervolgens een tweeling toonde, kon ik eerst geen woord uitbrengen. Nu ze er eenmaal zijn, wil ik Arvid en Maeve voor geen goud meer missen, al denk ik echt wel eens: waar zijn we aan begonnen?’ Een ontdekkingstocht Intussen zijn de jongste spruiten wakker geworden en haalt Wemke ze uit bed. Broer en zus zijn niet fit, maar dwars door de snottebellen heen lachen ze dat het een lieve lust is. Prompt komt ook Maud uit school, afgezet door een taxibusje van het speciaal onderwijs. Een prachtig, op het oog heel gewoon meisje van elf. ‘Haar verstandelijke beperking is aan de buitenkant niet zichtbaar en juist daardoor ontstaan in de buitenwereld lastige situaties’, vertellen de ouders. ‘Haar enthousiasme is groot, maar Maud reageert niet op de manier die andere kinderen en volwassenen verwachten. Ze is bijvoorbeeld heel slecht verstaanbaar en


raakt in paniek bij onverwachte dingen. Wij zijn er inmiddels helemaal op ingespeeld, de hele structuur in ons leven is afgestemd op Maud. Al blijft het een ontdekkingstocht hoor, zeker sinds de tweeling er is.’ Lekker moederen De uitdaging van de dagelijkse opvoeding ligt grotendeels bij Michel, omdat Wemke bijna fulltime als orthopedagoog werkt. ‘Het was geen bewuste keuze om zorgvader te worden, het is simpelweg zo gelopen. Toen we erachter kwamen dat Maud veel extra begeleiding nodig heeft bij het opgroeien, zat ik net zonder werk, dus was het logisch om thuis te blijven. Onze taakverdeling bleek goed te werken en zo is het gebleven. Wemke kan carrière maken en onze kinderen met een gerust hart thuis bij mij achterlaten.’ Hoe ideaal het ook is geregeld, het viel haar na elk zwangerschapsverlof zwaar om thuis los te laten. ‘Tijdens de eerste werkweken was ik jaloers op alle vrouwen achter een kinderwagen. Ik wilde ook lekker moederen! Al ging het bij de tweeling gemakkelijker, blijkbaar went het. Bovendien krijg ik mijn aandeel wel hoor, naast mijn baan blijft er genoeg gezinstijd over.’ 16

17

Prettige routine Door haar functie als orthopedagoog bij Reik, een expertise- en behandelcentrum voor mensen met een licht verstandelijke beperking, hebben ze het thuis wel eens gekscherend over ‘casus Maud’. Sinds Wemke weet dat haar dochter een beperking heeft, staat ze anders in haar werk. ‘Doordat ik zelf die extra zorg ook voel, kan ik me goed inleven in mijn cliënten. Tegelijk heb ik ervaren dat de wereld niet ophoudt als je kind iets mankeert. Dat wil ik graag overbrengen. Thuis blijkt trouwens de praktijkervaring van Michel minstens zo waardevol als mijn orthopedagogische kennis. Dan staat hij me te coachen als ik ergens niet uitkom met Maud. Sowieso heeft Michel de boel strak georganiseerd, dat dwingt respect af. Met hem als spil zit ons gezin in een prettige routine. Het is wel jammer dat wij zelden samen weg kunnen, want de combinatie van onze vijf is bijna niet over te dragen aan anderen. Maar dat komt later wel weer, als ze groter zijn.’


De hielprik... en daarna

Aukje Mulder

Speurtocht naar zeventien zeldzame aandoeningen


Je wilt je pasgeboren baby ieder pijntje besparen en dus is de hielprik niet het leukste moment uit de kraamtijd. Toch doen vrijwel alle ouders aan het onderzoek mee omdat op deze manier een aangeboren ziekte kan worden opgespoord. Net zo snel als het prikken gaat, is het ook weer vergeten. Maar wat, als blijkt dat de uitslag niet goed is?

De hielprik bestaat sinds 1974 Aanvankelijk konden er met het afgenomen bloed drie ziektes worden aangetoond. Daarvan was Phenylketonurie (PKU) de bekendste en zodoende werd er voor het gemak lange tijd gesproken over de PKU-prik. Die naam dekte na 2007 de lading niet meer, omdat er veel meer ziekten opgespoord konden worden. Vanaf 2011 mei kwam er als nummer achttien op de lijst Cystic Fibrose (CF of taaislijmziekte) bij. In alle gevallen gaat het om aandoeningen die niet te genezen zijn. Waarom dan toch een test zo snel na de geboorte? ‘Door vroege opsporing en behandeling kan schade aan lichamelijke en verstandelijke ontwikkeling beperkt of voorkómen worden’, zegt Ineke Smit, coördinator neonatale screening bij GGD Fryslân. ‘Bijvoorbeeld: ontstekingen die bij CF optreden, zullen milder verlopen. Bij sikkelcelziekte - een aandoening die vooral voorkomt bij mensen uit Afrika, met als symptoom chronische bloedarmoede - worden door vroegtijdige bloedtransfusies complicaties zo veel mogelijk voorkómen.’ Verder gaat het voor het merendeel om stofwisselingsziekten waarbij medicijnen en/ of een dieet worden ingezet. Doorslapen De (gratis) hielprik wordt drie tot zeven dagen na de geboorte gegeven. Meestal thuis, in combinatie met de gehoorscreening, door iemand van de GGD Jeugdgezondheidszorg. ‘Echt, het 18

19

valt meestal reuze mee. Het komt voor dat baby’s gewoon door blijven slapen.’ De hiel is gekozen omdat daar gemakkelijk en veilig geprikt kan worden en deze plek niet erg pijnlijk is. De druppels bloed worden opgevangen in zes rondjes op een kaart van vloeipapier. Die gaat met alle gegevens van de baby naar het laboratorium. Bij een afwijkende uitslag krijgen ouders zo spoedig mogelijk bericht. Ineke benadrukt dat het om zeldzame ziektes gaat. ‘In Friesland, Groningen en Drenthe krijgen jaarlijks rond de 18.000 baby’s een hielprik. Daarvan worden er ongeveer 120 doorverwezen voor nader bloedonderzoek. Zo’n 35 kinderen blijken daadwerkelijk ziek te zijn.’

Vroegtijdig behandelen beperkt complicaties Alarmbellen Nelia Vos uit Hurdegaryp had nauwelijks stilgestaan bij de hielprik van haar oudste zoontje. ‘Met onze jongste zoon Chiel verliep dat anders. Al een paar dagen na de test belde de huisarts, er was iets niet helemaal goed gegaan.’ De alarmbellen rinkelden toen nog niet. ‘We dachten dat de test onduidelijk was en dat Chiel daarom nog even wat bloed moest afstaan


‘Dankzij de hielprik waren we er op tijd bij.’ in het laboratorium van het Medisch Centrum Leeuwarden. Pas toen we zagen dat op het formulier “spoed” stond, werden we ongerust. Een paar uur later hoorden we van de kinderarts dat Chiel een schildklierprobleem had. Hij werd acuut opgenomen.’ Het waren moeilijke momenten, vertelt Nelia. ‘Een week na de bevalling moet je je zoontje al uit handen geven en nemen anderen de regie over. Je weet niet wat je overkomt. Alles gaat zo snel. Er waren ook geen voortekenen. Achteraf zeggen we: hij was die eerste week een beetje geel en hij sliep veel. Niets om je zorgen over te maken. Nu was ons kind ineens patiënt.’ Geen schildklier Na de nodige onderzoeken bleek dat Chiel zonder schildklier was geboren. ‘De schildklier scheidt hormonen af die onmisbaar zijn voor allerlei lichaamsfuncties. Bij te weinig schildklierhormoon raakt een kind lichamelijk en verstandelijk beperkt. Zonder behandeling kunnen ook hart- of leverproblemen ontstaan. Dus zonder schildklier kun je niet leven. Gelukkig bestaat er goede medicatie. Chiel moest hier dus direct mee beginnen.’ Elf dagen lag Chiel in het ziekenhuis. ‘Alles verliep naar wens, ook nu nog. We geven hem consequent zijn tabletjes, die hij zonder problemen slikt. Hij gaat eens in de drie maanden terug voor bloedonderzoek. Rond zijn derde jaar

is dat een strijd geweest en moest hij echt in de houdgreep. Nu krijgt hij door: als ik rustig blijf en ontspan, gaat het sneller. Het bloed wordt nu via een buisje uit zijn arm afgenomen.’ Motoriek Chiel is ruim vijf en gewoon een heerlijk knulletje. Qua motoriek is hij iets langzamer dan leeftijdgenootjes. Hij fietst met zijwieltjes omdat hij moeite heeft met zijn balans. En papier knippen bijvoorbeeld vindt hij lastig. ‘Op die momenten zien we dat zijn ontwikkeling iets moeizamer verloopt dan bij andere kinderen. Natuurlijk zijn we wel bezorgder dan bij onze oudste. Hoe zullen zijn schoolprestaties zijn en hoe ziet zijn toekomst eruit?’ ‘Het gaat om een zeldzame aandoening en in onze omgeving kennen we niemand die hetzelfde meemaakt. Dat voelt wel eens eenzaam. Inmiddels zijn we lid geworden van de stichting SCHILD. Zo krijgen we actuele informatie en ontmoeten we andere ouders. Omdat een kind op deze leeftijd hard groeit, is soms bijstelling van de medicatie nodig. Ik weet waar ik op moet letten en kan zelf beslissen om een kwart tabletje extra te geven. Natuurlijk denk je wel eens: waarom moest ons dit overkomen. Maar dankzij de hielprik waren we er op tijd bij en met medicatie valt goed met deze aandoening te leven.’


Wisto datst op www.heitenmem.nl ek Fryske foarnammen fynst, mei de betsjutting derby?

Ferneame Eartiids wie it gebrûklik om bern te ferneamen nei famyljeleden. Dêr wienen bepaalde regels foar: 1e jonkje: pake oan heitekant 2e jonkje: pake oan memmekant 3e jonkje: heit syn âldste broer 4e jonkje: mem har âldste broer 1e famke: beppe oan memmekant 2e famke: beppe oan heitekant 3e famke: mem har âldste suster 4e famke: heit syn âldste suster

Populair Populaire Friese jongensnamen zijn vandaag de dag: Ruben, Jan, Mats, Jens, Jurre, Ties, Hidde, Johannes, Jelle, Niels en Fedde. Populaire Friese namen voor meisjes zijn Emma, Fenna, Anna, Bent(h)e, Ilse, Silke, Yfke, Renske, Nynke en Maaike.

€ 7,50

De moaiste Fryske foarnammen Ast dyn bern ferneame wolst, dan bist gau klear. Mar sels in namme betinke falt net altyd ta. Yn dit boekje fynst de moaiste Fryske jonges- en famkesnammen.

Fergetten nammen Understeande Fryske foarnammen binne hast útstoarn. Mar miskien is dat net altyd sûnder reden… Fryske jongesnammen: Ame, Boeije, Doên, Doyke, Eentje, Elbe, Emeka, Fake, Feberikus, Hikke, Hoaite, Holst, Holk, Hoppe, Hottum, Klien, Leintje, Limke, Luurtze, Madzen, Maije, Neensche, Oept, Pooi, Redze, Rimpt, Rogchus, Ryken, Taetze, Teetse, Wate, Wealtsje, Wijke en Wijt. Fryske famkesnammen: Bintsje, Boodske, Djoerdtje, Doedertje, Doite, Doyke, Dwotsje, Eertsje, Eertske, Eile, Entje, Etsje, Fimme, Frietske, Froatsje, Gabeske, Goossen, Guitsche, Holk, Jilkjen, Jookje, Neantske, Neensche, Neenskje, Nolke, Obtje, Oktjen, Olke, Reinschje, Rouke, Sabe, Scholtje, Semien, Setche, Sieze, Sukke, Taekeltje, Teatje, Tiege, Winkje, Wolke en Ygje. Boarne: ‘De lêste Hikke’ fan Aly van der Mark (Friese Pers Boekerij, Leeuwarden 2014 € 10,-)

20

21

Dieuwke van der Meer

Foarnammen


Thea van der Schaaf

As gastâlder in bydrage leverje oan de taalûntwikkeling by jonge bern Twatalichheid libbet. Net allinne âlden, juffen en liedsters binne dwaande mei de posysje fan it Frysk neist it Hollânsk by bern, ek gastâlden binne nijsgjirrich nei wat taal mei harren oppasbern docht. Tagelyk ropt twataligens in soad fragen op, safolle waard dúdlik op in kursus meartalich opgroeien, dy’t it SFBO ein ferline jier jûn hat oan 55 gastâlden, ferspraat oer hiel Fryslân.


De kursusgroep fan Sisa mei harren finjet. Nei it folgjen fan de kursus hawwe sy foar ien jier de titel ‘de meartalige gastâlder’. Linksefter Sietske fan it SFBO, rjochtsfoar Trees Hettinga fan Sisa.

‘As gastâlder hast yn Fryslân hiel faak te krijen mei in twa- of meartalige sitewaasje. De bern prate Frysk of Nederlânsk, somtiden in streektaal of in bûtenlânske taal. Ast witst hoe ast dêr as gastâlder mei omgean moatst, kinst in grutte bydrage leverje oan de ûntwikkeling fan taal by bern’, leit Sietske de Roos fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang út. ‘Meartaligens is net samar wat. It hat in soad foardielen, oant in leeftyd fan 7 jier binne bern hiel taalgefoelich. Mar der binne ek saken dêr’t je as alder en gastâlden om tinke moatte om it de bern wol goed oan te learen.’ It SFBO is al sûnt 2003 dwaande mei it stimulearjen fan de meartalige ûntwikkeling by bern troch de wei fan in sertifisearringssysteem op bernedeiferbliuwen en pjutteboartersplakken. Sûnt ein foarich jier kinne gastâlden in kursus folgje oer de meartalige ûntwikkeling. Yn twa jûnen wurdt de gastâlden bybrocht wat meartalichheid ynhâldt, wat de rol fan de gastâlder wêze kin yn de taalûntwikkeling fan in bern, en wurdt der oefene mei sjongen en foarlêzen. De kursus waard yn septimber en oktober oanbean oan de organisaasjes Sisa, 22

23

Stichting Welzijn Middelsee en SKIK. Dêrneist hat der yn Bûtenpost ek in kursus west mei gastâlden fan ferskate organisaasjes. De redaksje fan Heit & Mem wie oanwêzich by de kursus dy’t yn Dokkum jûn waard oan gastâlden fan Sisa. De dielnimmers hawwe allegear sa har eigen manier fan dwaan. De iene praat bygelyks yn oerlis mei de âlden, wêrfan‘t de iene Frysk is en de oare Hollânsktalich, Frysk tsjin de bern. In oar docht dat automatysk en hâldt ek ‘stuch fol’ as de bern Hollânsk werom prate. ‘Allinnich as sy it echt net begripe wat ik sis, dan sis ik it yn it Hollânsk.’ Wer in oar skeakelt oer op it Hollânsk as ien fan de bern dat ek tsjin de gastâlder praat. Noch in gastâlder fertelt dat se tsjin alle opfangbern Frysk praat, mar it foarlêzen en sjongen ‘fansels yn it Hollânsk’ docht. Foar de lytsten set se it oer nei it Frysk, ‘want dat pakt better’. Guon bern prate by de oppas Frysk, mar sadree’t de âlden binnen rinne, skeakelje se oer op it Hollânsk. Sietske leit út hoe’t taal ûntstiet by bern. ‘Taal begjint by lústerjen en net pas as bern lûdsjes begjinne te meitsjen of wurdsjes foarmje. As in


Nijsgjirrich: De definysje fan meartaligens: it fan natuere floeiend praten fan twa talen sûnder der by nei te tinken. Der binne 50 miljoen twatalige minsken op ’e wrâld. Bern dy’t twatalich grutbrocht wurde, hawwe as foardiel dat sy op lettere leeftyd makliker noch in taal derby leare.

bern lyts is steane de harsens iepen foar alle talen. Hoe âlder at in bern wurdt, hoe mear rjochting at der jûn wurdt oan de taal. Bern hawwe wol oanbod nedich om in taal goed oan te learen. As gastâlder kinst dêr ek wat yn betsjutte, troch safolle mooglik tsjin bern te praten, dêr in soad wurden by te brûken en op de goede manier te werheljen wat in bern seit.’ It wichtichste advys fan de jûn: konsekwint wêze yn it taalgebrûk. ‘Bern leare sa it bêste hokker wurden at by hokker taal hearre.’ Wolst as Hollânsktalige gastâlder it Frysk in plak jaan by it oppassen, lês dan bygelyks in Frysk boekje foar, of sjong Fryske ferskes, praat Frysk mei in hânpop of yn in rollespultsje. ‘Dat is net ferwarrend foar bern. Dy taal heart by dat boekje, ferske of rollespul, de taal dy’tst praatst heart by dy.’ In wike letter. De gastâlden binne werom foar it twadde diel fan de kursus. Se binne it folslein mei elkoar iens dat alles wat der de earste jûns

ferteld is harren oan it tinken setten hat. ‘Ik bin my folle bewuster wurden fan wannear’t ik welke taal brûk’, fertelt in gastâlder, en in oaren seit: ‘It foel net ta konsekwint te wêzen, ik hie dochs wol de neiging oer te skeakeljen op it Hollânsk as in bern dat tsjin my prate.’ Sietske leit út: ‘Wy binne wend om oer te skeakeljen op it Hollânsk as immen dat tsjin ús praat. Dat is foar in part in stikje fatsoen, oan de oare kant bliuwt it Hollânsk dominant en it Frysk de minderheidstaal. Dat makket it oerskeakeljen ek wol wat logysk. Mar foar in bern hoecht dat net. As gastâlder kinne je, lykas alle oare opfangsitewaasjes, júst in bydrage leverje oan it stimulearjen fan de ûntwikkeling fan de Fryske taal by bern, troch it mar gewoan te praten. Brûk taal, wês kreatyf en práát. As sy it net fan ús leare, leare se it fan net ien.’


Sûnt septimber bin ik heit fan in soan. Hidde. It moaiste jonkje fan Warkum. Dat sizze der mear. Mar by ús is it echt wier. De fûgels fluiten doe’t er moarns betiid berne waard. Doe’t er der út roetsjte, waard er behindich troch in suster opfongen. Dêr lei er. Us soan! Skrok doe’t ik de nâlestring trochknippe moast. It bleau even stil en doe sette er in kiel op. Syn mem en ik gûlden fan blydskip. Wy wienen sa grutsk. Hidde moast earst yn it sikehûs bliuwe. Want hy wie wat te betiid. Minsken fregen ús faak oft wy dat ek dreech fûnen: him dêr efterlitte. Nee. Dat fûnen wy net. Uteinlik soenen wy mei syn trijen thús wêze. Wy wisten dat it ek oars koe. Ik wie al ris earder heit. Mar it famke moast ús ferlitte. Doe’t wy ôfskie fan har nimme moasten, is der in stikje fan myn hert ôfbrokkele. Leau net dat dêr lym foar is. Ik hie har sa graach foarlêze wollen, ferteld wat wolken binne, en in prinsessejurk jûn. No krijt se eltse wike blomkes fan my. Hidde hat fjouwer wiken yn it sikehûs lein. It wie in trochsetter. Dat wie wol dúdlik. Al gau waard syn kûveuze te lyts foar him en mocht er yn in bêd lizze. In grut bêd foar sa’n lytskert. We kamen der twa kear, soms trije 24

25

Paul van Dijk / www.depenvanpaul.nl

Heit kear op in dei. Hy lei in soad te sliepen, mar as er wekker wie begûn er wyld te sparteljen as er ús stimmen hearde. Wy fantasearden deroer hoe’t it wêze soe as er einliks mei ús mei mocht.

It hûs waard oars doe’t hy der wie. Dat kaam net troch de widze, de bernewein of it autostuoltsje. Mar troch him. Dat lytse, fleurige jonkje dat de hiele wrâld noch ûntdekke moat. Ik kin sa no en dan allinne mar skiepeftich nei him sjen. Mei in grutte glimk sjocht er dan werom. Hoopje dat ik net tsjinfalle sil. As heit. Ik bin net in bêste fuotballer. En fan technyske saken haw ik ek al net safolle ferstân. It is mar goed dat bern âlders net ynruilje kinne. In man en in jonkje komme in winkel yn. ‘Kin ik jo helpe?’ ‘Ja, ik bring dizze heit werom. Hy kin niks!’ Afijn. Sil him wol moaie ferhalen fertelle en muzyk mei him meitsje. En ik sil in leave heit foar him probearje te wêzen. Ik bin fan doel om him noch lang te behoedzjen foar alle Boaze Wolven en Repelsteeltjes yn dizze wrâld. Sa no en dan sjoch ik har werom, yn syn gesicht. Dan sjong ik foar twa. En krijt er in ekstra tút.


Carolien ter Schuur

BoekStart maakt baby’s slimmer

Foarlêze oan babys is net fanselssprekkend. In soad âlders tinke datst babys net foarlêze kinst ‘want se begripe dochs net watst seist, se stopje it boekje leaver yn ’e mûle’. BoekStart wol âlders stimulearje om just wol oan harren babys foar te lêzen. De publikaasje ‘BoekStart maakt baby’s slimmer’ lit net allinnich sjen dat in betide start mei foarlêzen wurket, mar ek hokker bern at dêr it meast fan profitearje.


Alders dy’t meidogge mei BoekStart en harren poppe foarlêze foar de achtste moanne, hawwe bern dy’t heech skoare op taal. Al by bern fan fyftjin moanne âld binne der positive effekten te mjitten op de wurdskat, sa docht bliken út ûndersyk fan promovenda Heleen van den Berg en heechleraar ortopedagogyk Adriana Bus fan de Universiteit Leiden. In soad âlders stelle it foarlêzen oan babys út en wachtsje sa’n twa, trije jier mei it earste foarlêsboek. Van den Berg en Bus seagen dat BoekStart dêr feroaring yn bringt. Troch BoekStart begjinne âlders earder mei foarlêzen en dat stimulearret de taalûntwikkeling fan bern. Ek blykt út it ûndersyk dat BoekStart wichtich is foar alle nije âlders. Alders fan babys dy’t faak gûle en gau yrritearre binne, stelle it foarlêzen faak út, ek al ûnderkenne se it belang

fan praten tsjin harren bern. Foaral dy groep temperamintfolle babys profitearret derfan as harren âlders meidogge mei BoekStart. De âlders fan dy bern hawwe nammentlik mear ynteresse foar BoekStart as oare âlders, om’t sy op syk binne nei tips en trúks om de daaglikse omgong mei harren bern te ferbetterjen. BoekStart is basearre op in foarbyld út Ingelân. It programma wurdt troch gemeenten útfierd, yn gearwurking mei biblioteken en konsultaasjeburo’s. Alle âlders krije fan de gemeente of it konsultaasjeburo in útnoeging om in BoekStartkofferke by de biblioteek op te heljen as de poppe trije moanne âld is. Yn it kofferke sitte twa boekjes spesjaal foar babys. Alders kinne by de biblioteken geregeld nije boekjes liene út in kolleksje fan Nederlânske en Fryske babyboekjes. En alles is gratis!

Tips en trúks Wy jouwe hjir in oantal tips en trúks foar it lêzen mei babys. Dyselde en noch mear tips fynst yn de folders yn it kofferke en by boekstart.nl. Dêr fynst ek de titels fan boekjes yn it Nederlânsk én yn it Frysk.

Lit dyn stim hearre, watst seist is eins net sa belangryk. Beneam wat der te sjen is, meitsje bypassende lûden of sjong in ferske!

Babys reagearje it earst op dúdlike swart-wyt patroanen. Gean lekker tegearre op in

Dy patroanen binne goed foar de

rêstich plakje sitten.

fisuele ûntwikkeling. In baby kin dêr

Doch radio, telefyzje en

hiel oandachtich nei sjen!

kompjûter/laptop út, dat liedt mar ôf. Soargje der ek foar datst sels noflik sitst. Hâld de

In boekje lêze jout in momint fan rêst.

baby sa, datst eachkontakt

Do kinst dyn bern sa ek even wat ekstra

meitsje kinst.

oandacht jaan as it bygelyks hingerich of siik is.

Sykje boekjes út dy’t net te drok binne. Ien plaatsje op in side is genôch. Bygelyks in bist of ding dat dyn baby út syn omjouwing ken, dúdlik ôfbylde, mei net tefolle details.

26

27

Mear witte? Sjoch op www.lezen.nl en op www.boekstart.nl om de publikaasje te downloaden of te bestellen.


Idske Bangma

Talige ontwikkeling! Je baby zegt misschien nog niet meer dan boe en bah en ta-da-ta. Toch is het voor zijn of haar taalontwikkeling van belang om tegen je kindje te praten. Ook als het om taal gaat, kun je als ouder het goede voorbeeld geven. Maar hoeveel verstand heb je nu eigenlijk van de taalontwikkelingsfasen van je kindje? En wat zeggen wetenschappers ervan? HEIT & MEM zocht het voor je uit!

Stem van moeder stimuleert hersengroei van baby De hersengroei van baby’s wordt gestimuleerd door de stem van de moeder. Hoe we dat weten? Bij een experiment zongen de moeders van 20 couveusebaby’s kinderliedjes in. Vervolgens kregen de couveusebaby’s de opnames een maand lang drie uur per dag te horen. Daarna werden er hersenscans gemaakt en vergeleken met hersenscans van een controlegroep van baby’s die niet naar liedjes van de moeder hadden geluisterd. Bij couveusebaby’s die dagelijks de stem van de moeder hadden gehoord, bleek het deel in de hersenen waar geluiden worden verwerkt, relatief groot te zijn. Waarschijnlijk profiteren de baby’s daar op latere leeftijd van, bijvoorbeeld bij het leren van taal of talen, melden onderzoekers van de Harvard Medical School. (Bron: www.nu.nl) Lekker keuvelje oer deistige saken, goed foar taalûntwikkeling! Ut in Iersk ûndersyk ûnder 8000 babys docht bliken dat it goed is om tsjin dyn poppe te praten. In boekje lêze is goed foar de (taal)ûntwikkeling, mar út dat ûndersyk hat bliken dien dat praten

noch better is. Dat hoecht net in yngewikkeld petear te wêzen, je kinne gewoan lekker wat tsjin de poppe keuvelje oer deistige saken, bygelyks ûnder it dwaan fan húshâldlike putsjes. It keuveljen hat ûnder oaren foardielen foar it probleemoplossend fermogen. Dochs is praten allinne net genôch. Eardere stúdzjes hawwe al oantoand dat foarlêzen by poppen helpt by it opbouwen en fergrutsjen fan de wurdskat. En ast tegearre mei dyn poppe in boekje lêst, praatst dêr tagelyk ek oer! (Boarne: www.boekstart.nl) Sliepe nei it fertellen fan in ferhaaltsje? Dat is in goed idee! Want dan slacht dyn poppe ynformaasje better op! By in eksperimint fertelden folwoeksenen oan in groep poppen, foardat dy sliepen gienen, in ferhaaltsje wêrby’t de wanten fan in knuffel útlutsen waarden. Nei dat sliepke koe de groep poppen by wa’t dat foardien wie, sels de wanten fan de knuffel better útlûke as de groep poppen by wa’t dat net foardien wie. Dat betsjut nei alle gedachten dat dyn poppe de ynformaasje út in ferhaal better ûnthâldt as hy of sy nei it foarlêzen in knipperke docht. (Boarne: www.boekstart.nl)


Bespreken en herhalen van moeilijke woorden, goed voor de woordenschatontwikkeling! Regelmatig voorlezen is belangrijk voor de woordenschatontwikkeling van kinderen. Maar ook het herhalen en bespreken van moeilijke woorden hoort daarbij. Dit is van groot belang voor latere leesvaardigheden. Uit onderzoek van de Radboud Universiteit in Nijmegen blijkt dat wanneer kleuters op vierjarige leeftijd naar school gaan, het niveau van hun woordenschat ver uiteenloopt. Dit woordenschatniveau voorspelt hun latere begrijpend leesvaardigheid en schoolsucces. De kunst is dus om kinderen 28

29

al voor hun vierde jaar met veel verschillende woorden en begrippen in aanraking te laten komen. Prentenboeken zorgen voor een rijke taalcontext waarin jonge kinderen woorden gemakkelijk kunnen leren. Uit eerder onderzoek is al gebleken dat tweetalige kinderen vooral in de minderheidstaal voorgelezen zouden moeten worden. (Bron: www.kennislink.nl)

Wil je meer weten over taalontwikkelingsfasen, meertalig opvoeden of de voordelen van een talige ontwikkeling? Kijk op www.taalgroeimeter.nl


Poppeklean fan eartiids Memmen én harren bern hawwe it hjoed-de-dei mar goed wat klean oanbelanget. De poppetruikes passe mei gemak oer it holtsje, oeral sitte handige drukknoopkes op, ruften wurde mei in plakkerke fêstmakke en hoege net útwosken

It is noch net sa lang lyn dat it allegear wat oars wie. De mem makke foar it âldste bern de klean. Dat hie se ommers leard op de húshâldskoalle. Breiden truikes, broekjes, festjes en ûnderbroeken. Al wienen se heal fersliten, de bern dy’t dêrnei folgen koenen it dêr ek mar mei dwaan. De romperkes kamen pas yn de jierren tachtich yn gebrûk. Dêrfoar waarden noch gewoan (breiden) himdsjes en ûnderbroekjes brûkt.

te wurden (of je moatte útwaskbere ruften ha, fansels) en, hoewol’t it wol in nije trend is, berneklean hóege wy net sels te meitsjen. Björn & Thea: “Elts jier, de lêste wike fan septimber, ha we Flaeijelfeest yn Nijhoarne en Aldhoarne. ’t Flaeijelfeest giet werom oant de jierren 20. Dit wie Maud har eerste Flaeijel en uteraard ha we dat yn styl fierd.”

In foto fan in poppe, om 1900 hinne. It is net dúdlik oft dit in jonkje of in famke is, want poppen fan beide geslachten hienen doe kanten jurkjes oan.


Pietsje Hazenberg: “Dit is myn broerke Reinder Hazenberg. De foto is begjin 1957 makke. Ik wie dêrby as grutter suske (berne yn 1950). It broekje wie griis, breide, en it truike read, ek breide, mei wite eintsjes. Hy hie wite sokjes oan, mei reade skuontsjes. Myn beppe fan Grou koe o sa breidzje en as se wat klear hie stjoerde sy dat fanút Fryslân nei Limburch, dêr’t wy doe wennen. Ik ha sels ek wol breidene klean oan hân en ik bin de breidene ûnderbroekjes noait fergetten. Dêr hie ik in gloeiende hekel oan!”

Tessieka Strating: “Op de foto draagt Esmee (1998) een omslagtruitje, een katoenen luier en daaroverheen een pakluier. Ook droeg ze regelmatig omslaghemdjes met daarbij een legging. De pakluier hebben we haar even omgedaan voor beppe Klaske. Beppe Klaske vertelde namelijk een verhaal over wat de baby’s vroeger aan hadden. Onze Esmee kwam al aardig in de buurt qua kleding, alleen ontbrak de pakluier nog. En toen ze die omhad moest het natuurlijk even vastgelegd worden op de foto.” T. de Haan-de Jong: “Dit is een foto van mijn oudste zoon, uit 1971, waarop hij 4 maanden oud is. In die tijd hadden we alleen maar katoenen luiers om te gebruiken. En zoals te zien is, was hij er heel tevreden mee.”

30

31

Annie Winia, kreamfersoarch­ster, wit it noch goed. “Er is inderdaad veel veranderd wat het aankleden van een pasgeboren baby betreft. Vroeger had je overslaghemdjes van flanel die je dicht moest strikken. Daarover kwam een katoenen truitje, dat met een koordje dichtgeknoopt en onderaan met een veiligheidsspeld vastgespeld werd. Een luier, ook van katoen, werd eveneens vastgespeld, en daarna wikkelde je de baby in een molton omslagdoek. Deze werd ook weer met veiligheidsspelden vastgezet, dit noemde je een pakluier. Na een paar weken werden er pas babykleertjes gebruikt. Heel af en toe heb ik in de afgelopen jaren meegemaakt dat de baby nog een pakluier mocht dragen.”


Hoe overleef ik...

it earste jier fan ús lytse poppe?

Esther: ‘Als nieuwbakken moeder van onze dochter Anne Rixt ben ik op een hele nieuwe planeet beland. Hoe mooi ik het ook vind om moeder te zijn, ik moet heel erg wennen aan de veranderingen in mijn leven. Ik ging parttime werken en dat was nogal een verandering. Anne Rixt bepaalt mijn ritme en mijn vrije tijd. En van de avonden en weekenden blijft ook weinig over. Mijn vriendinnen zie ik nauwelijks meer en mijn partner is papa geworden. Waar zijn de romantische avonden gebleven?’


1. Yntuysje Faaks hasto al fernommen dat sûnt de swangerskip elkenien klearstiet mei goeie rie. Fan bemuoisuchtige (skoan)mem oant wyldfrjemde minsken yn de supermerk. It sil allinne noch mar slimmer wurde. Elkenien hat in miening oer boarstfieding, flessemolke, sliepritmes en de ûntwikkelings fan jim berntsje. Folgje dyn eigen yntuysje en doch it op dyn eigen manier! 2. In nije rol Nei trije moanne hoechst net alles op ’e rit te hawwen. Mem wurde set dyn hiele libben op ’e kop. Net allinne lichaamlik en praktysk, mar ek op dyn wurk en yn de relaasjes mei dyn partner, famylje en freonen. Nim minstens in jier de tiid om oan dyn rol as mem te wennen en derachter te kommen hoe ast dyn libben ynrjochtsje wolst meí poppe. Geduld mei dysels! 3. Oppas Ast fernimst dat de muorren op dy ôffleane, wurdt it tiid om ôfstân te nimmen fan ‘thús’ en leuke dingen bûten de doar te ûndernimmen, koartsein, wurdt it tiid foar in flinke doasis ‘me-time’. Lekker byprate mei in freondinne, út iten mei dyn partner yn in sfearfol restaurantsje, of eefkes te winkeljen. Nee dat is net egoïstysk! De soarch foar de lytse kostet in bulte enerzjy, en dêr hat dyn omjouwing faak gjin weet fan. Sykje in betroubere oppas en laad dyn batterij wer op. Klear foar in nije dei! 4. Gefoelich Ynienen kinst dy grien en giel ergerje oan jim mem dy’t alles better tinkt te witten. Of binne de freondinnen ynienen fan de ierdboaiem ferdwûn. Asto foar it earst mem bist, bringt dat ek in protte ûnsekerheden mei him mei, en in hiel frachtskip oan ferantwurdlikheidsgefoel. Bist noch sykjende, en dêrtroch reagearrest wat gefoeliger op dyn omjouwing. Dêr komt noch by dat oaren ek oan dy as mem wenne moatte. Wannear kinne sy dy belje, en hasto noch wol sin om fuort? Besykje iepen en earlik te wêzen oer de faze dêr’tst yn sitst. It is ommers mar in faze. 5. Enerzjy Hast alle memmen stopje suver alle tiid en enerzjy fan de dei yn de lytse poppe, en dêrnjonken noch it nedige yn húshâlden, wurk en relaasjes. Dyn partner hat faaks noch net iens troch hoe’n enerzjyslurper in bern wêze kin op in gewoane thúsdei. De measte memmen wolle ek ‘gewoan’ mei alles op deselde manier trochgean as foar de befalling. Mar dat kin net. Akseptearje help fan oaren en realisearje dy dat net alles yn it húshâlden op dyn manier hoecht te gebeuren. Wês leaf foar dysels. Nim genôch rêst, yt regelmjittich en sûn, en gean op ’e tiid op bêd. Ferjit foaral net yn de spegel te sjen. Lit dy ferwenne by de kapper en doch dingen dêr’tsto enerzjy fan krijste! 32

33


Babyboeken Ek babys binne sljocht op foarlêzen. Fan it begjin ôf oan fiele sy de magy fan it ferhaal, ek al begripe se it noch net hielendal. De kleuren, materialen en lûden binne betoverjend! Se iepenje in geweldige wrâld fol dreamen, emoasjes en gefoel. Poppen fan sa’n 3 – 4 moanne ôf binne gek op boekjes fan stof of plestik. Se ‘lêze’ dy noch net echt fansels, mar se kinne se fiele en derop kôgje; in hiel eigen wize om har de boekjes eigen te meitsjen. Badboekjes binne favoryt by dy lytskes!

De natoer – fan 12 moanne ôf

€ 10,95

Druk op de knopkes en ûntdek de lûden út de natoer… Hoe klinkt bygelyks de see en watfoar lûd makket de kikkert?

Ynstruminten – fan 12 moanne ôf

€ 10,95

Stevich kartonboekje foar pjutten, mei lûden dy’t de platen ta libben bringe. Witsto hoe’t in piano klinkt? Of in gitaar?

Nijntje har freonen I en II – fan 3 moanne ôf € 7,50 Poes, mûs, fisk, en noch folle mear bisten binne Nijntje har freonen. In pakketsje mei twa kartonnen úttearboekjes mei 12 bisten yn elts boekje.

Boartsje mei Stip, knisperboekje – fan 3 moanne ôf Boartsje mei Stip is in knisperboekje oer Stip en syn boartersguod. Syn favoryt? Dit knisperboekje! € 9,95

It aldermoaiste trekkerboek – fan 8 moanne ôf Giest in rûntsje mei op ’e trekker? Frysk, stevich kartonboek mei 16 flapkes en 5 lûden (en in protte trekkerlawaai!)

€ 14,99


top 10

Uh?! Kin ús pjut al lêze dan?

In dei mei Nijntje – fan 6 moanne ôf?

€ 9,95

It is sneon! Wat sil Nijntje ris dwaan? Sjoch ûnder de flapkes en ûntdek wat Nijntje allegear sjocht en docht!

€ 9,95

Jonge bisten – fan 18 moanne ôf

Yn dit kleurrike kartonboekje steane allegear jonge bisten werkenber ôfbylde yn tekeningen én foto.

Buorkerijbisten – fan 18 moanne ôf In kleurich kartonboekje mei buorkerijbisten dy’t werkenber ôfbylde binne yn tekeningen en foto.

Hop Hop Hynke – fan 3 moanne ôf Bewegingsferskes, knibbeldeuntsjes, rymkes oer bisten of rymkes foar it sliepen gean. In samling nostalgyske en moderne bernerymkes.

€ 7,50

... Folje hjir de favorite titel fan jim eigen lytse protter yn. Wat wurdt it, in Nederlânske of in Fryske titel?

Stiloan feroaret it lêsgedrach. In bytsje âldere bern hâlde fan boekjes mei flapkes, fielboekjes, boeken mei lûden en kleurige printen. Kies boekjes fan stevich karton, want poppen binne der net sunich op. 34

35

€ 9,95


Ciska Noordmans

Op 18 jannewaris 2015 om 7:20 oere wurde Lotte Kaimer en Jaap Zijlstra mem en heit fan Jesse Hendrik. In prachtich moai jonkje fan 2835 gram en 49 sm.


Foar de earste kear

Heit & Mem Lotte Kaimer: ‘Mei 35 wiken is Jesse al berne, dat wie fansels net de bedoeling. De ferloskundige hie earder wol in hege bloeddruk konstatearre en ús trochstjoerd nei de gynekolooch yn it MCL. Dêr kriich ik bloeddrukferlegers, omdat sy ek graach woenen dat Jesse 40 wiken sitten bleau. Ik waard dêr flink beroerd fan. De sneons kriich ik slim pinebúk en ha ik de gynekolooch belle. Fiif oeren letter lei Jesse al yn myn earmen.’ Lotte en Jaap wienen hielendal klear foar de komst fan de lytse poppe. It keammerke wie ferve, lytse kleantsjes leinen yn de kast en de earste pemperkes yn it laad. ‘We wisten noch net wat it wurde soe. Doe’t Jesse der ienris wie, wienen wy fansels geweldich bliid, mar ek wol wat ûngerêst. De draachtiid is fansels net foar neat 40 wiken. Hoe soenen sokke lytse longen har ûntwikkelje?’ Nei in dei moast Jesse dochs de kûveuze yn foar ljochtterapy; syn lever wurke noch net optimaal. Foar Lotte wie dat akelich om te sjen: ‘Sa’n lyts bleat mantsje mei allinne in pemperke om en in sinnebriltsje op, dat fûn ik net leuk. Gelokkich mocht er der nei 24 oeren al wer út.’ Al mei al ha 36

37

Lotte en Jesse in wike tegearre yn it sikehûs lein en Jesse dêrnei nochris in wike. Lotte en Jaap gongen dy wike alle dagen twaris op en del nei ’t sikehûs, 15 kilometer fierderop. ‘Ik foel doe hurd fan myn rôze wolk ôf,’ fertelt Lotte, ‘yn de earste wike lei Jesse op de berneôfdieling en ik op ferloskunde. Alle oare memmen op de keamer hienen de lytse poppen ticht by har, mar Jesse lei net nêst my. Nei in wike gongen Jaap en ik mei in lege auto nei hûs. Sa hie ik it my al hielendal net foarsteld. Thús bleau it bedsje yn it poppekeammerke leech. Gjin lûdsjes, gjin nij libben om dy hinne; it wie alhiel net neffens it boekje.’ Gelokkich wie net alles yn mineur. Alle kearen as heit en mem boppe Jesse syn bedsje hongen, krigen se as tank in blik fan werkenning, Jesse reagearre goed op de stimmen dy’t er yn ’e búk al safolle heard hie. En it grutte wachtsjen waard beleanne doe’t Jesse mei nei hús mocht. We binne no hast fjouwer moanne fierder en it measte leed is al ferjitten. Ek alle brutsen nachten. ‘It is pittich,’ seit Lotte, ‘mar wat is it prachtich ast moarns betiid begroete wurdst mei in grutte glim.’


Aukje Mulder

Het KISSsyndroom


Na negen maanden een wolk van een baby. Het grote genieten kan beginnen. Helaas is dat niet voor alle ouders weggelegd. Je kindje huilt ontroostbaar, uren en uren achtereen tot je er wanhopig van wordt. Draait je baby bovendien zijn hoofd steeds naar één kant of overstrekt hij zich? Dan zou hij last kunnen hebben van het KISS-syndroom.

Manueel therapeut Feico Douma in Harlingen staat achter de behandeltafel waarop een baby ligt. Zachtjes draait hij het hoofdje heen en weer. Eén kant gaat duidelijk moeizamer waardoor het hele lijfje mee-beweegt. Even later tast Douma met zijn vingertoppen de nek af. Met zachte grepen duwt hij op de nekwervels van de baby, het is nauwelijks te zien dat hij kracht uitoefent. Toch gebeurt er veel. ‘Na één behandeling is er al resultaat. Meestal heb ik niet meer dan twee of drie keer nodig om de klachten van het KISSsyndroom te verhelpen.’ Een wonderbehandeling? ‘Het is inderdaad bijzonder. Voor mij als therapeut is het heel dankbaar werk. Als je er vroeg bij bent – en tussen de drie en zeven maanden valt het beste resultaat te bereiken – dan is de behandeling bijna een kleinigheid. Met gróte gevolgen.’ Toch zijn het KISS-syndroom en de behandeling daarvan in Nederland – in tegenstelling tot Duitsland – nog vrij onbekend. ‘De medische wetenschap is het er hier nog niet over eens of het werkt. Er is nog onvoldoende wetenschappelijk bewijs.’ Voor Douma staat vast dat behandeling effect heeft. Hij helpt in zijn praktijk jaarlijks zo’n 25 kinderen met dit syndroom van hun klachten af. ‘En een baby liegt nooit.’ 38

39

In de verdrukking Wat is het KISS-syndroom precies? KISS staat voor Kopfgelenk Induzierte Symmetrie Störungen wat in het Nederlands vertaald wordt met Kopgewrichten, Invloed op Storingen in de Symmetrie. Dat wil zeggen dat er stoornissen ontstaan in de symmetrische ontwikkeling van de baby door problemen in de bovenste nekgewrichten. Die ontstaan meestal doordat tijdens de bevalling de wervelkolom in de verdrukking komt. De kans op problemen is het grootst bij een keizersnede of bij een vacuüm- en tangverlossing. Of al in de baarmoeder, als de baby groot van stuk is of bij meerlingen. De cijfers in Duitsland wijzen uit dat tien procent van alle pasgeborenen last heeft van het KISS-syndroom.

Tien procent van alle pasgeborenen heeft last van het KISS-syndroom.


‘Al na één behandeling een compleet ander kind.’

Douma: ‘Voor een baby is een goed bewegende nek van groter belang dan we in de gaten hebben. De hoge nekgewrichtjes sturen op jonge leeftijd al veel reflexen aan. Ze zijn belangrijk voor de ontwikkeling van houding en motoriek maar ook voor een goede zuig- en slikreflex. Als de hoge nekgewrichtjes ook maar iets zijn verschoven, kan dat veel klachten geven. Het veroorzaakt spierspanning, het voeden kan moeilijk gaan, het kindje kan zich gaan overstrekken. Je moet het zo zien: het KISS-syndroom is een continue bron van irritatie in het zenuwstelsel.’ Huilen Soms uit het KISS-syndroom zich vooral in ontroostbaar huilen. Logisch, want het kindje heeft voortdurend pijn. ‘Vaak wordt in eerste instantie aan andere oorzaken gedacht, zoals bijvoorbeeld koemelkallergie. Als maatregelen tegen de allergie niets opleveren en het kindje blijft huilen, is de reactie van behandelaars vaak: “Het komt door de wisselwerking tussen ouders en kind en gaat vanzelf wel weer over.” Hier is ook geen wetenschappelijke onderbouwing voor en toch wordt het algemeen geaccepteerd. Dat is jammer want een huilbaby in een gezin is een traumatische ervaring. Het trekt een enorme wissel op een jong gezin. Ouders zijn vaak ten einde raad. Ze geven me hun baby in handen met een gevoel van: doe er alsjeblieft iets mee, neem het van me over. Na één behandeling hebben ze al een compleet ander kind.’

Niet alle baby’s met het KISS-syndroom huilen veel. ‘Een gemeenschappelijk verschijnsel is wel dat een kind met het KISS-syndroom het hoofdje naar één kant draait zodat de schedel een asymmetrische vorm krijgt. Of de baby overstrekt zich en drukt daarbij zijn achterhoofd in de onderlaag waardoor het achterhoofd steeds platter wordt.’ Evenwicht Als er niets wordt gedaan aan het KISS-syndroom kan het kind op volwassen leeftijd migraine-, rug- en nekklachten krijgen. ‘Maar zover hoeft het niet te komen. Tijdens de groei zie je als ouders vaak al dat je kind problemen krijgt met zijn motorische ontwikkeling. Omdat de spiertjes hoog in de nek onvoldoende hun werk doen, moeten andere spieren het overnemen. Deze kinderen hebben vaak moeite met hun evenwicht, met leren fietsen bijvoorbeeld. Ook zijn ze wat houterig en hebben ze minder zelfvertrouwen. Ze kunnen prikkelbaar zijn en drukker dan andere kinderen. Bij deze groep kinderen werk ik samen met een kinderfysiotherapeut. Door zo’n gecombineerde behandeling gaat de motoriek letterlijk en figuurlijk met sprongen vooruit’, zo besluit Douma. Voor informatie en adressen van therapeuten: Kiss-Kinderen.nl. Zie ook: www.kisskids.nl


Bernepraatsjes Hat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei ynfo@heitenmem.nl.

Johannes (3): ‘Ik bin ek geboaren, mei heit syn boarmasine!’

Thyme (2) mocht mei nei de ferloskundige. By it hearren fan it hertsje ropt hy entûsjast: ‘In helikopter!’

Hessel (6) hat krekt heard dat de baby yn mem har búk iten krijt troch de nâlestring. Under it iten stuitet Hessel op in probleem: ‘Mar mem, past dy gehakbal dan

Doe’t mem noch mar krekt yn ferwachting wie fan de tredde kamen har beide jonges fan 3 en 5 by har. ‘Mem? Meie wy ek noch in baby?’ De jonges wisten it goede nijs noch net en mem beslút in foarsichtich antwurd te jaan. ‘Wy sille sjen jonges, wa wit…’ Mar mei dat antwurd is har jongste soan net tefreden. ‘Noh, dan freegje ik it wol oan heit! Dan mei it wol!’

Jurrit (4) hat leaver net noch in broerke. ‘At it wer in broerke is, jout mem de poppe mar oan tante, want dy hat noch gjin jonkje.’

wol troch dy string?’

Anne (7), Sam (4) en Lotte (3) hebben een gesprek over toen ze in mama haar buik zaten. Anne: ‘Ik zat eerst in mem haar buik.’ Sam: ‘Daarna ik.’ Lotte kijkt verbaasd en zegt: ‘Maar ik heb jullie daar helemaal niet gezien!’ 40

41

Hoogzwanger van de tweede, had ik een keer een jurkje aan. Erg handig volgens Jesse (4): ‘Als de baby er nu aankomt, hou ik dit (onderkant jurk) wel omhoog mem! Dan kan de baby er zo uitkruipen!’


Kreamkadootsjes op syn Frysk In lytse poppe regelet syn lichemstemperatuer troch waarmte ôf te jaan fia it holtsje. De poppe kin dêrtroch ek tefolle lichemswaarmte ferlieze, dêrom is it ferstannich om lytse poppen altyd in mûtske op te setten. Soargje derfoar dat it mûtske minstens oer de earen komt.Mûtske foar de lytse poppe mei de tekst ‘jonkje’, ‘famke’ of ‘lytse pop’. € 5,95

Hoe grutsk kinne je wêze op jesels dat je einlik heit of mem binne! Dan dochst fansels mar al te graach dyn bern sa’n leuk shirtsje oan mei de tekst ‘Mem har jonkje’, ‘Mem har famke’, ‘Heit syn pop’, ‘Mem har pop’ of ‘Leaf!’. € 10,50

Boppesteande produkten binne allegear te bestellen fia www.afuk.nl of te heljen by de Fryske boek- en kadowinkel fan de Afûk yn Ljouwert (skean tsjinoer de Aldehou).


In protte poppen ha in grut part fan ’e dei in slabbe om, om’t se faak spuie, grieme of flybje. It is dan fansels wol sa moai, foar ast letter de foto’s weromsjochst, dat dyn lytse griemer yn alle gefallen in leuke slabbe om hie! Lykas dizze slabben dy’t mei in protte ferskate Fryske teksten te krijen binne, lykas ‘Lytse griemer’, ‘Pake syn pop’, ‘Lytse protter’, ‘Lekker ite’, ‘Leaf!’, ‘Ik heit’ en gean sa mar troch! € 6,95

Yn dit boekje kin de kreambesite spesjaal foar de lytse poppe in winsk efterlitte. It boekje stiet fol nijsgjirrige ynformaasje en moaie yllustraasjes. In hiel geskikt kreamkadootsje! € 7,50

Weetsje: Eartiids wie it hiel gewoan om by de berte fan in poppe in sulveren berteleppel te jaan. De poppe krige de berteleppel mei ynskripsje meastal fan de pake of beppe dy’t ferneamd waard. De ynskripsje bestie út de namme, bertedatum en berteplak fan de poppe. Mei it jaan fan de berteleppel waard faak gelok, sûnens en rykdom tawinske. De leppel wie ek in soarte fan belizzing, in fersekering foar minne tiden, om’t sulver kostber wie. En tagelyk waard ek in stikje famyljeskiednis fêstlein.

42

43


Dieuwke van der Meer

De babykeamer


44

45


Jelte, 6 wiken âld, út Heech treft it mar mei sa’n kreative mem. Hy hat nammentlik in prachtich orizjineel keammerke. Lykas syn âldere broers hat Jelte ek in keammerke mei in tema, en sines is: mûskes! Om’t mem Aletta Haarsma yn de swangerskip noch net wist wat it wurde soe, moast it keammerke foar in jonkje én in famke kinne. Aletta: ‘De basis is wyt mei griis, mei griene aksinten. Ik ha hast neat nij kocht. Ik fyn it nammentlik hiel leuk om fan âlde dingen wer wat nijs te meitsjen. Alles wat yn it keammerke stiet hat eins wol in ferhaal. Lykas de stoel op Jelte syn keammerke, dat wie in brún âld stoel mei suêde beklaaiïng, dêr’t noch hea as folling yn siet! Ik ha him doe ferve en opnij oerklaaid. Foar de finishing touch ha ik de poatsjes grien makke. Neffens myn soan liket it no krekt oft de stoel sokjes oan hat. De twa wolkfoarmige kessentsjes op de stoel ha ik sels betocht en ynelkoar naaid. De wolk boppe it bedsje is in lampe. Ik ha him sels tekene, útseage en ferve en myn man hat der in lampke achter makke. Werris wat oars! Ik socht foar Jelte syn keammerke eins wyt mei griis behang, mar krekt dat koe ik fansels net fine. Doe ha ik gewoan twa behangsoarten kocht en dy om en om opplakt. Op it keammerke hinget ek in mobyl mei stjerren deroan. Ik hie soks in kear yn in boekje sjoen en tocht, soks kin ik sels ek wol meitsje. Ik ha doe wite placemats kocht, dêr stjerren op tekene en dy útknipt, se ferve yn de kleuren fan it keammerke en doe mei fisktried oan de mobyl hongen.

It bedsje ha ik op Marktplaats kocht en de sprei hat ús mem foar my makke. Fansels steane dêr ek mûskes op! Ek op de krukjes stean mûskes. De krukjes, út de kringloopwinkel wei, wienen earst brún. Ik ha se doe wyt ferve en sels de mûskes derop tekene. De mûzesturtsjes rinne troch om de poatsjes fan it krukje hinne. Ek ha ik op de krukjes de griene kleur weromkomme litten. It sit ’m faak yn de lytse details. Lykas de griene strik dy’t ik naaid ha foar om de gerdinen. De mûskes sjochst ek op de skilderijkes weromkommen. Ik ha in pear fotolistkes kocht, dêr it glês úthelle, en de stof fan de strikken fan de gerdinen dêryn dien. De mûskes ha ’k sels naaid en opfolle mei rys en kessenfolling. Dêrnei ha ik se fêstsetten op de stof yn de skilderijkes. No liket it krekt as oft de mûskes út it skilderijke komme! It búkkastje komt ek by de kringloop wei. It kastje hat earder al ris wyt en sulver west en no ha ik it wer grien ferve mei in ekstra doffe ferve foar in moai resultaat. Ek de kommoade is in âlde kast dy’t ik sels opknapt ha. Dy hiele grutte knopen oan de muorre hat myn broer foar my seage en ynfreesd. Ik ha se doe noch moai rûn skuorre, sadat se echt op grutte knopen lykje soenen. Dêrnei ha ik se skildere, der grutte gatten yn boarre en in moai grof tou dertrochhinne dien. De knopen hawwe allegear krekt wat in oare kleur grien. De iene hat wat mear wyt en de oare wat mear griis. Myn man hat se foar my ophongen.’ Omdat Aletta sa faak om ynterieuradvys frege waard, hat se yn 2012 in oplieding ta ynterieurstyliste folge en is se har eigen bedriuwke begûn, ‘Moai-sa’. Se giet no by minsken del en freget nei harren winsken en ideeën. Se makket dan foto’s fan harren ynterieur en wurket thús in hiel plan út mei kleur- en meubeladvys. Aletta: ‘Ik fyn it hartstikke leuk om sa no en dan in opdracht te krijen. It fielt foar my ek net as wurk, mar mear as hobby. It is hiel moai wurk om te dwaan en goed te kombinearjen mei it mem-wêzen.’ Sjoch ek: www.moai-sa.nl


De kreambesite wol by Ăşs altyd even de babykeamer besjen.

46

47


POPPEHERINNERINGS Ciska Noordmans

Herinneringen binne foar letter. In taastbere herinnering bringt dy samar werom yn ’e tiid. Elkenien hat oantinkens opslein. Eefkes teste… wat komt der by dy op asto kofje rûkst? En de geur fan Zwitsal babyshampoo? Net allinne geuren roppe bylden op. Der binne folop leuke manieren om wat fêst te lizzen en te bewarjen foar letter. Foar as dyn poppe útgroeid is ta in lange slungel of in prachtich frommeske.

kôkkeunst Kinst it earste miel mei syn allen fiere mei in diner oan hûs. Lit in kok ynfleane om jim lekker te ferwennen. En de ôfwask nimt er ek wer mei. En alle kearen asto dan wer rosbyf ytst (of wat oars fansels...), dan sweve dyn gedachten werom nei dat spesjale earste miel.

Fotoshoot Guon fotografen binne spesjalisearre yn babyshoots. Der binne ek guon dy’t in pakket oanbiede, mei in swangerskips-, berte- en poppeshoot of cakeshoot.

Mei muzyk De berte is in feestje! En by in feestje heart muzyk. Kinst in muzykstik meitsje litte, spesjaal foar de berte fan jim berntsje. En elke kear ast de CD wer hearst, tinkst werom oan it nije libben.

Mei byldzjende keunst Fier de berte mei byldzjende keunst. Dat kin bygelyks ek mei in skildere portret fan de hiele húshâlding. Om alle dagen fan te genietsjen!

Sels oa n de slach: DIY! Hâld fan de swangerskip, berte en it earste libbensjier in skrift by... Wof folje in kant-en-klear poppeboek yn. Dat bringt dy letter grif wer leuke dingen yn ’t sin. Kinst der foto’s by plakke, in hierlok, in bertekaartsje. Mar it kin fansels ek yn de foarm fan in blog! Sa kinne famylje en freonen fuort ek meilêze. De poppe groeit hurd en foardatst it witst is er út in earste pakje, klear mei de bear en oan syn earste potleaden ta. Pimp in moaie doaze op en bewarje dêr de ‘earste kear’-spullen yn. Der binne pakketsjes te keap om in gipsôfdruk te meitsjen fan in poppefuotsje of -hantsje. Bist sels kreatyf, of hat soan of dochter in moaie tekening makke doe’t se hearden fan it grutte wûnder yn mem har búk? Nim it keunstwurk mei nei de bertekaartsjespesjalist en dy makket der wat moais fan. 48

49


Yllustraasje: 49 Anita Jeram Út: Witst wol hoe mâl ik mei dy bin?

Yn dit ‘Witst wol hoe mâl ik mei dy bin?’–poppeboek kinst allegear oantinkens oan de earste jierren fan dyn poppe kwyt. Mei romte foar dyn eigen foto’s, notysjes en emoasjes. € 14,95


Idske Bangma

Wat gjinien dy fertelt oer de kreamtiid (en watsto wol graach witte wollen hiest)


In Grutte Rôze Wolk. Teminsten ast de ferhalen hearst wannear’tst op kreambesite komst. Marruh… de earste wiken binne topsport! Is it ôfsjen. Hjir dogge wy in boekje iepen.

Bloedferlies Hasto al dy grutte kreamferbannen en ekstra grutte ‘inlegkruisjes’ ek besjoen doe’tst noch swanger wiest? Ja? En ek fuort de doaze wer tichtgoaid? Se binne wol nedich, dus sa’n kreampakket is net oerdreaun.

Switte Genôch skjinne nachthimden op foarrie? Helje mar fêst in pear ekstra út ’e winkel. Nei de befalling ha guon froulju nachts behoarlik lêst fan switten. Dat heart by it proses om de hormoanhúshâlding fan it lichem wer op peil te krijen.

Boarstfieding Njonken alle foardielen is boarstfieding ek bikkeljen en komt it op trochsettingsfermogen oan. Sels earst plasse en goed sitten gean, dan pas begjinne te foeden, oars sjit de kramp dy yn it liif en is it dreech om geduldich te bliuwen. Eefkes sûnder prikkels (tv eefkes út?) drinke litte is foar jim beiden fijn!

Spugen It ‘mondje terug’, it útspuien fan molke, heart derby. Dy molkeplakken yn ’e klean binne net allinne ferfelend, mar rûke ek noch soer. Hupsakee… mar wer in skjinne outfit út ’e kast. 50

51

Soargen Fielst in net te beskriuwen grutte leafde? En in dito ferantwurdlikheidsgefoel? Wen der mar oan… it giet noait wer fuort mar der is hiel goed mei te libjen J.


Bh Oerdei en jûns in bh oan mei sûchkompressen is fanwege de lekkende boarsten best wol handich. Soms begjint de molke spontaan te streamen as de poppe gûlt. Wat in wiete kledder! Kinst weismytkompressen keapje, mar tsjintwurdich binne der ek hiele leuke kompressen dy’tst waskje kinst.

Ferjitachtichheid

Hastich Eefkes fluch wat dwaan is passé, no komt it oan op Time Management (mei haadletters). Bist al gau dûbeld safolle tiid kwyt as foarhinne. De earste kear nei ’t konsultaasjeburo? Pffft, wat in stress!

Yn de swangerskip wurdt progesteron oanmakke en dat is de oarsaak fan de ferjitachtichheid. Mar nei de befalling giet dat net dalik wer fuort. Do stiest ommers noch stiif fan de hormoanen en dyn lichem en dyn brein hawwe tiid nedich om te herstellen. Ek sliepgebrek kin in negatyf effekt ha op dyn geheugen, en watfoar âlder hat dêr no net lêst fan? Mar yn it earste jier komt it fansels wer goed, gelokkich.

Idske: ‘Ik haw my as perfeksjonista goed taret, dêr lei it net oan. Gjin swangerskipskursus of pufklup wie my te mâl, fan borstfoedingskursus oant swangerskipsyoga en fan bekkenoefeningen oant ynformaasjejûnen oer weeën en de befalling. Alle tydskriften, de gratis swangerskipsdoazen en de populêre boeken oer ‘bevallen en het ouderschap’ haw ik stikken lêzen. En ek yn myn stúdzje en yn myn wurk binne saken as bern, opfieding en ûntwikkelingsfazen gjin ûnbekende, mar dochs binne der in tal dingen dy’t ik net fan tefoaren wist. Wêrom hawwe freondinnen of skoansussen my dat net ferteld? Woe ik net lústerje of haw ik it wol lêzen, mar net opslein? Om’t ik gewoan op de rôze wolk sitte woe?’

Wurch It berntsje moat noch wenne oan jim dei- en nachtritme. De measte lytse poppen sliepe net fuort de hiele nacht troch. Dat moat wenne, om it marris sacht út te drukken. It kin slopend wêze. En ast wurch biste hast wat minder geduld, en ast hastich biste… Fielst ’m oankommen? Besykje tagelyk mei de poppe ek eefkes te sliepen. It kin no noch!

Sels op it 2e plak Dyn lytse poppe is fan de dei ôf dat er op ’e wrâld komt, numero uno. De kofje dy’tst ynskonken hast, is lij foardatst it witst. Sosjale kontakten stean (eefkes) op in leech pitsje. Pake en beppe drave ôf en oan (‘Dêr binne wy wer!’), ferjitte dy te begroetsjen en hawwe allinne each foar it nije wrâldwûnderke.


TRAKTEARE – TRAKTAASJE

– omdat der in lytse poppe berne is!

Op pinterest fynst in protte leuke ideeën foar traktaasjes by de berte fan in lytse poppe, foar de besite, of foar op skoalle of op it wurk. Lang ferlyn wienen it de buorlju dy’t de kreamfrou traktearden op in boffert. In boffert mei dêr boppe-op in lyts boffertsje kriich de kreamfrou as der in soan berne wie (dat wie boffen!), en ien sûnder lyts boffertsje as it in dochter wurden wie. Letter waard dat in krinteboffert foar de jonges en in sûkerboffert foar de famkes. Hjir is ús resept. (En lekker dat er is!)

500 gram blom, 1½ dl molke, 75 gram bûter, 2 aaien, 25 gram gest, 1 ytleppel kaniel, 100 gram sûkerklontsjes, 1 teeleppel sâlt, 50 gram sûker en in tulbânfoarm. (Set de oven mar fêst oan op 225°C) De blom yn in kûm seevje mei wat sâlt, it kaniel en de gest (gest earst eefkes yn wat lij wetter oplosse). De raande bûter earst in bytsje ôfkuolje litte, en dan mei beide hannen troch de aaien knipe. It daai ôfdekke mei in wiete doek, en de kûm 45 minuten op in waarm plakje fuortsette. De sûkerklontsjes brekke en troch it daai avesearje. Fetsje no de tulbânfoarm fêst mar yn en bestrui ’m mei sûker. Rôlje it daai op, lis it yn de foarm en bestrui de boppekant nochris mei sûker. Lit de foarm noch 15 minuten neirize. Sko de boffert yn de oven en bak ’m yn 30 minuten gear. De boffert út de foarm skodzje op in roaster en ôfkuolje litte. Snij de boffert yn royale stikken en besmar dy tsjok mei bûter.

52

53


Ferneamd!


Grutte Albert: berne op 19 jannewaris 1954 en wennet yn Hantum Lytse Albert: berne op 29 jannewaris 2015 en wennet yn Hantum Betsjutting Albert: ôflaat fan Adelbert of Adelbrecht, troch adel skitterjend

Albert Kuipers: ‘Ik ha twa soannen en beide hawwe se al harren bern ferneamd. Us jongste soan Jan en syn frou Marja ferwachten nei twa famkes in tredde poppe en se tochten doe ek dat dy poppe de lêste wêze soe. Dêrom woenen se my hoe dan ek ferneame. It waard in famke en dêrom waard it in Alberthe. Dat fûnen wy ek prachtich moai fansels. Dat se nei Alberthe noch wol in jonkje krije soenen, wisten se doe fansels noch net. In Albert en in Alberthe yn ien gesin wie wat tefolle fan it goeie en dêrom waard it jonkje in kombinaasje fan Wybe en Remeren; Wymeren. Myn âldste soan en syn frou krigen earst twa fammen, mar yn jannewaris dit jier kaam harren tredde berntsje en myn 7e pakesizzer Albert op de wrâld. Ek al hie ik it wol in bytsje ferwachte, dochs fûn ik it in prachtich moaie ferrassing dat ik ferneamd wie. Mar hienen se net foar Albert keazen, dan hie ik dat ek goed fûn. Ik ha my nammentlik altyd foarnommen om dêr net moeilik oer te dwaan. Us heit hjitte nammentlik Liepke. Eins hie dat Ljipke wêze moatten, mar troch in ynskriuwflater yn it gemeentehûs is it Liepke wurden. Wol ha se him altyd Ljipke neamd, in echte Fryske namme. Mar it wie ek in namme dêr’t er sels eartiids hiel bot mei pesten is. As jongste bern yn in gesin hast 54

55

net in grutte kâns om ferneamd te wurden en dus woenen myn frou en ik ús soan nei myn jongste broer Wybe ferneame en Liepke as twadde namme brûke; Wybe Liepke. Doe’t ús earste soan midden yn de nacht berne waard, rûn ik bliid en eufoarysk nei ús heit en mem ta om se te fertellen dat sy pake en beppe wurden wienen. Us heit en mem wienen fansels hartstikke bliid en fregen entûsjast: “En, hoe hjit er?” Doe’t ik fertelde dat wy him Wybe Liepke neame soenen waard it mûsstil yn de keamer. Heit wie dúdlik teloarsteld. Yn dy tiid wie it in tradysje om de âlders te ferneamen. Se rekkenen der eins hast op. Begryplik dat it in grutte teloarstelling wie. Hy sei: “Meitsje der dan mar gewoan Wybe fan.” En sa is ús soan in Wybe wurden. Ik bin sels ek ferneamd, mar dan nei de jongste broer fan ús mem. Us mem kaam út in grutte famylje en altyd waarden as earsten de âlders of de âldste broers of susters ferneamd. Us mem hie dêrom besletten om har jongste broer te ferneamen, sa kaam dy ek ris oan ’e beurt. Lykas mei alle pakesizzers bin ik ek tige wiis mei lytse Albert. Gelokkich wenje wy flakby en myn frou en ik sille skielk eltse wike in dei op him passe. Wat in rykdom!’


In ‘griene’ poppe

Gelokkich wurde wy ús der hieltyd bewuster fan dat wy bydrage kinne oan in better miljeu, ék ast in lytse poppe hast. Hoe? Dat begjint fansels al mei de baby-útset. Hjir in oantal tips!

Bio-katoen Hieltyd mear (web)winkels rjochtsje harren op biokatoen. Doeken, tekkentsjes en klean kinst allegear fan biologysk katoen keapje. Mar wêrom soenen klean fan biologysk katoen better wêze? Under oaren om’t minsken dy’t yn de gewoane katoenyndustry wurkje faak in ûngesûn en gefaarlik libben ha, bygelyks trochdat yn de net-biologyske katoenteelt in ekstreem soad pestisiden brûkt wurde. Boppedat binne de leanen dy’t de arbeiders dêr betelle krije faak hiel leech, wat in soad earmoede feroarsaket. Fansels hat de natoer ek slim te lijen fan alle gemikaliën. Biologysk katoen wurdt ferboud mei help fan metoaden en materialen dy’t folle minder impekt op mins en miljeu hawwe. By it ferbouwen fan biokatoen wurdt mear méi de natoer wurke yn stee fan te’n koste dêrfan.

Femke Kooistra: “Ik krijg veel kleding voor mijn kinderen en ik koop ook wel kleding tweedehands. Maar als ik iets nieuws koop, koop ik het zoveel mogelijk eco en fairtrade. Dit doe ik omdat ik het goede voorbeeld wil geven en goed voor onze aarde en de medemens wil zorgen. Het is vaak niet eens (veel) duurder dan kleding die niet gemaakt is met zorg voor mens en milieu.”


Utwaskbere materialen Snoetepoetsers, billedoekjes, ruften, swimruften, spuidoekjes, slabkes en sûchkompressen, se binne hjoed-de-dei allegear yn útwaskbere farianten te krijen. Ja, it kostet wol wetter om se skjin te krijen, mar faak kinne se gewoan mei de rest fan de wask mei útwosken wurde. It skeelt op jierbasis yn alle gefallen in hiele protte ôffal en it is minder belêstend foar it miljeu.

Grietje de Jong: “Ik gebruik altijd wasbare luiers omdat ik zo het milieu en mijn portemonnee spaar. En natuurlijk omdat mijn kind zo niet in aanraking komt met schadelijke stoffen uit wegwerpluiers. Ik gebruik ook wasbare billendoekjes, heel simpel: gewoon een hydrofiel die even onder de kraan gehouden is.”

Akke Huisman: “Voorheen gebruikte ik altijd wegwerprietjes voor mijn kinderen. Maar sinds we proberen het afval in ons gezin te minderen, gebruiken we herbruikbare rietjes. Die zijn echt ideaal!”

Tiny Aagtjes-Posthumus: “Wy brûke hydrofile waskhantsjes yn stee fan ‘snoetepoetsers’. We ha 2 jier lyn op fakânsje snoetepoetsers brûkt op de kemping. Nei 2 wike hie ús soan allegear útslach op syn gezicht. Neffens de húsarts in allergyske reaksje op de snoetepoetsers. Hiel logysk ek. Je smare oars ek gjin parfum of sa op it gesicht. En seker net om de mûle hinne. En wat in miljeufersmoarging ek, al dy doekjes! In pear waskhantsjes ekstra yn de waskmasine nimt echt net safolle plak yn.”

Feikje Wagenaar: “Ik zweer bij billendoekjes! Multifunctioneel!”

Marieke Jorritsma: “Ik gebruikte eerst snoetenpoetsers, maar tegenwoordig thuis washandjes, want mijn dochter kreeg er uitslag van. Voor onderweg vind ik de billendoekjes ideaal.”

Hannie Gijlers: “Wasbare luiers zijn voordeliger, beter voor het milieu, geven minder afval en het staat ook nog eens super schattig. Geen gedoe. Poep ligt op een wegwerpvelletje. Wasmachine doet de was en op een mooie dag hangt de droogmolen in de tuin vol met vrolijke luiers.” 56

57

Dieuwke Marije de Hoog: “Tijdens mijn zwangerschap heel enthousiast geworden over wasbare luiers en voor honderden euro’s aan luiers ingeslagen. In de ‘praktijk’ viel het helaas erg tegen! Ze lekten telkens. Dit vonden we erg frustrerend en we hebben ze daarom na een aantal maanden via Marktplaats weer verkocht.”


Plestikfrije materialen Heiten en memmen mei lytse bern ha faak hiel wat plestik yn ’e hûs. Plestik bekers, pantsjes, bestek, sobbers, boartersguod, pispotsjes, sûchreidsjes en gean sa mar troch. Hoewol’t in protte plestik hieltyd faker recycle wurdt, is it oer it algemien better om in natoerlik alternatyf te brûken dat 100% biologysk ôfbrekber is. Lykas bekers en pantsjes fan bamboe, sobbers fan rubber, boartersguod fan FSC-hout en pispotsjes fan plantaardige restmaterialen fan rys en bamboe. Tsjintwurdich kinne je ek drinkfleskes krije fan rvs of fan glês mei in silikoanen hoes deromhinne foar de feilichheid.

Gerbrich Veer: “Ik ha eins hast gjin plestik yn ’e hûs, bewust net. Myn dochter fan 8 moanne hat in speen fan natoerrubber dêr’t se gek op is. It kleurige babyservys fan myn dochter is fan bamboe, dat wie in kreamkado dêr’t ik, doe’t ik yn ferwachting wie, spesjaal om frege ha. Kinst alles by wize fan sprekken letter ûnder de grûn stopje.”

Wist je dat… •

wegwerpluiers per kind zorgen voor ruim 1000 kilo aan afval?

wasbare luiers zorgen voor 2,3 keer minder CO2-uitstoot dan wegwerpluiers (uitgaande van wassen op max. 60 graden en zonder het gebruik van een droger)?

servies van bamboe helemaal biologisch afbreekbaar is?

biologisch katoen vaak niet eens duurder is dan ‘gewoon’ katoen?

natuurrubberen spenen ook 100% biologisch afbreekbaar zijn en geen schadelijke stoffen bevatten?


Klasina van der Werf

Mem wêze

Hoe soe it fiele om mem te wêzen? Dy fraach spile my myn hiele swangerskip troch de holle. Myn búk seach ik dikker wurden, de poppe fielde ik sparteljen, mar ik hie gjin idee wat my te wachtsjen stie. Lang ha ’k twifele oft it wol wat foar my wie: mem wêze. Myn man en ik hâlde fan reizgjen en wy hienen noch in soad lannen op ús listje stean dy’t wy graach sjen woene. Wy seagen wolris heiten en memmen mei jonge bern omgriemen en tochten: wat in gedonder. Wat is der no moaier as tegearre de wrâld te ûntdekken? Ik ha wolris baald fan de biologyske klok dy’t om myn tritichste hieltyd lûder begûn te tikjen. Mar no bin ik dêr bliid om. Oars hie ik de kar miskien noait makke. Want mem wurde, dat hie ik net graach misse wold. It momint dat ik ús dochter Lena foar it earst seach, har op myn búk fielde, dat ferjit ik noait wer. It wie mei stip it moaiste barren yn myn libben. Dy moaie grutte eagen dy’t my sa helder oanseagen, dat sêfte swarte hier, dy lytse hantsjes, mei noch lytsere neiltsjes. Oeren koe ik nei har 58

59

sjen. Wat is se moai, tocht ik de hiele tiid. Letter op de foto’s seach ik pas dat se yn it begjin wat ferfrommele wie, mar dat is my doe noait opfallen. Ik wie opslach fereale. Krekt twa jier letter mocht ik it noch in kear meimeitsje, doe’t ús jongste dochter Anouk berne waard. Dy kears seach ik sa út nei it momint dat ik har foar it earst tsjin my oan hâlde mocht. Want ik wist noch goed hoe moai at dat wie. Hiel efkes ha ’k tocht: kin ik fan de twadde wol likefolle hâlde as fan de earste? Fanôf it begjin wie dat dúdlik. De twadde kear wie it wer krekt sa bysûnder as by de earste. It is al wer mear as trije jier lyn dat ik mem waard en de jongste fan ien jier hipt no as in ljip troch it hûs. Drok dwaande de lytse wrâld om har hinne te ûntdekken. Underwilens binne wy as heit en mem alwer mei ús nije listje oan ’e gong fan reizen dy’t wy graach meitsje wolle. Mei ús famkes dizze kear. In hiele ûndernimming, mar dat ‘gegriem’ ha wy der graach foar oer. Want wat is der no moaier as oan ús rykste besit sjen te litten hoe moai at de wrâld is?


Klasina van der Werf

Ynbakerjen as helpmiddel Sliepeleaze nachten hearre derby. Dat witte âlders foar›t se oan bern begjinne. Mar wat moatst dwaan as dyn poppe altyd gûlt, hiel ûnrêstich is en net sliepe wol? De ferpleechkundigen fan it konsultaasjeburo yn Dokkum binne grut foarstanner fan it ynbakerjen fan lytse poppen. De froulju wurkje al fyftjin jier mei dy metoade. ‘Yn de tiid dat wy dermei begûnen wie it asylsikerssintrum noch yn Dokkum. Dêr hiest te meitsjen mei ferskate kultueren dêr›t it hiel gewoan is om de poppen yn te bakerjen. Eins is it ek hiel logysk. Troch it ynbakerjen fielt it foar de poppe wer wat lykas by mem yn de búk. Dat jout

in gefoel fan feiligens’, seit Renny van der Meulen fan it konsultaasjeburo yn Dokkum. ‘De measte poppen binne de earste fjouwer moanne ûnrêstich om’t it mage-darmkanaal noch net ryp is. Dêr komt by dat guon poppen hiel prikkelgefoelich binne. En se kinne noch net bewuste bewegingen meitsje. Dêrtroch maaie se mei hantsjes en fuotsjes en wurde se ûnrêstich. Ynbakerjen is net de oplossing, mar in goed helpmiddel.’


Regelmaat Neist ynbakerjen is ek regelmaat hiel belangryk foar de poppe. Neffens Renny van der Meulen duorret it in pear dagen foar’t âlders ferskil sjogge nei it ynbakerjen. ‘Se moatte dus geduld hawwe, mar foaral ek fertrouwen. Guon âlders sizze fuortendaliks dat it neat wurdt. Dan kinst wol ophâlde. Foaral heiten fine it skande dat harren poppe sa strak ynpakt wurdt. Dat liket earst ek frjemd. Mar asto in bern treaste wolst, hâldst it ek lekker stiif tsjin dy oan.’ Alders moatte net frjemd opsjen as it nei in pear dagen wer wat minder giet. De poppen binne dan goed útrêsten en fersette har. Dan is it wichtich om dochs troch te setten. ‘It is ús taak om âlders te motivearjen en harren derfan te oertsjûgjen dat ynbakerjen de poppe in gefoel fan burgen-wêzen jout. Troch it ynbakerjen krije âlders meastentiids in tefreden poppe en dat wol dochs elkenien?’ Ynbakerdoek Ynbakerjen mei neffens ferpleechkundige Jelma Holwerda net altyd. ‘Wy kontrolearje earst oft der ek in lichaamlike oarsaak is. Foar âlders is it faak al in hiele gerêststelling as dat net it gefal is. Ynbakerjen bart tsjintwurdich mei in kant-enkleare doek; rôversguod op Marktplaats. Sa’n doek is spesjaal makke foar it ynbakerjen en troch it klittebân maklik yn gebrûk. Té strak ynpakke is net goed’, warskôget Jelma. ‘Lytse poppen moatte de waarmte wol goed kwyt kinne. Dêrom riede wy ynbakerjen by koarts en nei in yninting ôf.’ Ôfbouwe Fierder moatte âlders goed yn ’e gaten hâlde dat it berntsje net sels omrôlje kin. As se dat dogge, wurdt it tiid om ôf te bouwen, oars is it ynbakerjen te gefaarlik. Esther en Meindert Dijkstra út Dokkum binne al begûn mei it ôfbouwen en tinke no: wiene wy der mar nea oan begûn. Harren soan Mika (seis moanne âld) hat refluks en is hiel ûnrêstich. Esther: ‘Door het inbakeren werd hij wel iets rustiger, maar nu we proberen af te bouwen begint hij bij het in slaap vallen weer meer te huilen. Hij was helemaal gewend om vast te zitten. Nu heeft hij zijn handen weer vrij en haalt 60

61

hij zijn speen steeds uit zijn mond. Daardoor is hij wel tien keer per nacht wakker. Op een gegeven moment weet je niet meer wat je moet doen. Volgens de kinderarts heeft Mika te veel lucht in zijn darmpjes. ’s Nachts heeft hij daar het meest last van. Gelukkig krijgen we af en toe hulp van mijn moeder, anders is dit niet vol te houden.’ Utkomst Foar Oetsen en Durkje de Beer fan Burdaard is it ynbakerjen in útkomst. Sy binne sûnt trije en in heale moanne heit en mem fan in twilling, Anna en Rinse. ‘It is drok, twa lytse poppen, mar wy witte net better’, seit Durkje. ‘Fan it begjin ôf wie dúdlik dat Rinse in ûnrêstige poppe wie. Hy wie oerstjoer, gûlde lûd, waard wurch, woe net drinke en net sliepe. Dan komst yn in negative spiraal.’ ‘Renny fan it konsultaasjeburo frege hoe’t wy tsjinoer ynbakerjen stiene. Ik hie dêr wolris wat fan heard en tocht: as it helpt, dan graach. En it holp drekt. Rinse sliepte sels better as Anna. Dus tochten wy, dan moatte wy Anna ek mar ynbakerje. It like earst wol wat begrutlik, se sieten sa strak ynpakt en dat lytse kopke stuts der krekt boppe-út. “Us rupskes”, seinen wy tsjininoar. It gie sa goed dat wy nei in skoftke tochten, wy kinne it ynbakerjen wol wer ôfbouwe. Mar doe waarden se nachts wer folle faker wekker as earst. Myn man sei: “We bakerje se wer yn”, want wy krigen allegearre fierstente min sliep. Dy nachts wie it foar it earst dat se in hiele nacht trochsliepten. En wy dus ek. Wy skrokken moarns wekker. Libje se noch wol, wie it earste wat my troch de holle skeat. Sûnt dy nacht sliepe we better en binne we alle fjouwer folle fleuriger.’ Sjoch foar mear ynformaasje: www.inbakeren.nl


Ferskes foar op skoat

Slûpe ... slûpe ... slûpe Dit lytse mûske wol yn ... Anneke* har nekke* krûpe! (*sels namme ynfolje)  (*oare lichemsdielen betinke) (Wiisfinger en middelfinger rinne stadich oer it lichem fan it bern) (Eventueel fingerpopke brûke)


Dit is pake, koart en dik. Dit is beppe, dy breidet rikketik. Dit is heit, dy is lang fan lea. Dit is mem, dy smart ús deistich brea. Dit is Jantsje, ús lytse mantsje. En de hiele famylje is …* syn/har hantsje. (*sels namme ynfolje) (Alle fingers, fan tomme oant en mei pink, bydel) Ut: Hop Hop Hynke

Hantsjes yn ’e hichte (pak de hantsjes fan de poppe) hantsjes op it hier Hantsjes op ’e ... skouders* (*sels lichemsdiel ynfolje) Hantsjes yn ’e side              Hantsjes op ’e flier Tiere-liere-lier   Ut: Wimpeltsje Pimpeltsje

Sa rydt in heare-koets HEARE-KOETS! / HEARE-KOETS! Sa rydt in nije sjeas, NIJE SJEAS! / NIJE SJEAS! Mar sa rydt in bolderwein, BOLDERWEIN! / BOLDERWEIN! Sa! / Sa! (Mei elts ferfiermiddel wylder hippe) Ut: Hop Hop Hynke

Tingeling, tingelingeling (om bar oan beide earkes lûke) Doarke iepen, doarke ticht (de eachjes binne de doarkes) Trep ôfrinne (noas fan boppen nei ûnderen) Fuotfeie (finger hinne en wer ûnder de noas) Deryn! (finger yn ’e mûle) Ut: Hop Hop Hynke

Klap de hantsjes    (pak de hantsjes fan de poppe) Klap, klap, klap. Stamp de fuotsjes (pak de fuotsjes fan de poppe) Stap, stap, stap. Klapperdeklap    Stapperdestap 
 O, wat is dy ...* knap! (*sels namme ynfolje)
 Fan: Tomke CD-Tomkefoarstellings

62

63


Te lêzen op

heitenmem.nl De spreidbroek Heupdysplasie is een aangeboren afwijking die zonder behandeling loopproblemen en vroegtijdige slijtage van de heup kan veroorzaken. Bij deze afwijking kan de heupkom, vanwege onvoldoende diepte, de heupkop niet goed omsluiten. Het heupgewricht kan hierdoor niet op de juiste manier bewegen. Een spreidbroek is in de meeste gevallen het aangewezen hulpmiddel om de heupen van een baby in de goede stand te krijgen. Zielig, denken de meeste ouders, want wat doe je een kindje aan? Is het pijnlijk, kan de baby zich nog wel goed ontwikkelen, hoe moet het in de kinderwagen/buggy, autostoel? Lês it hiele artikel op www.heitenmem.nl

Postnatale depressie bij vaders meestal niet onderkend De blijdschap over de geboorte van Dennis de Haan (nu 4) sloeg bij zijn ouders al snel om in bezorgdheid. Dennis werd tien weken te vroeg geboren. Pieter: ‘Het ergste van alles vond ik om het verdriet te zien bij Karolien en bij onze andere zoon Remco (nu 14). Die was stapelgek op zijn kleine broertje, maar lange tijd wisten we niet of Dennis het zou redden. Ik voelde me zó machteloos. Ik wilde er voor Karolien en Remco zijn, maar ik had ook mijn eigen zorgen en verdriet. Maar ja, stoere mannen huilen niet, hè.’ Lês it hiele artikel op www.heitenmem.nl

Als je partner al kinderen heeft… Je begint aan een toekomst samen, maar je nieuwe partner heeft al kinderen. Hoe ziet je rol als stiefouder eruit? En hoe verloopt het contact met ‘de ex’ op de achtergrond? ‘Je kunt van tevoren nooit alles overzien.’ Roos is 28 en stiefmoeder van Melvin (10), Daniel (8) en Charlotte (6). Ze is getrouwd met Dirk en samen hebben ze een zoontje van 15 maanden, Thomas. ‘De afgelopen zomer waren we met zijn zessen op onze boot in Friesland. Dirks kinderen zijn zó lief en ik was zó trots op het hele stel. Iedereen was blij met elkaar en we hoopten allemaal dat deze week snel een vervolg zou krijgen. Helaas denkt hun moeder daar anders over.’ Lês it hiele artikel op www.heitenmem.nl 64


Alwer in Fries! 2

5

7

6

9

13

8

11

10

12

17

14

15

18

4

3

1

Ik joech dy net it libben, mar it libben joech my dy.

19

20

16

21

1: Tjimme de Vries, Earnewâld 2: Ingmar Gerben de Haan, Koatstertille 3: Niels Dam, Opende (Gr.) 4: Wessel Atze Nijhuis, Garyp 5: Jens Hansma, Reitsum 6: Roan Siemen Haaima, Eanjum 7: Sander Ykema, Parregea 8: Brecht Korenblik, Bitgum 9: Yinthe Buursma, Ferwert 10: Melle Wiersma, Wommels 11: Hidde Klaver, Wytmarsum 12: Jilles van der Land, Feanwâlden 13: Yenthe Reitsma, Holwert 14: Dewi Johanna Anna van der Heide, Harns 15: Jurre Veldkamp, Drachten 16: Jesse Hendrik Zijlstra, Burgum 17: Jelrik Andrys Brouwer, Kollumersweach 18: Fenna Nadine van Dam, Bakhuzen 19: Jurre Hoen, Lúkswâld 20: Fardau Anne Kooistra, Makkum 21: Roan de Vries, Ljouwert


de lytse

nr.2 2015/2016

Fryske apps foar de lytskes Voorlezen maakt baby’s slimmer Ynbakerje M ei Fry s k e s l iep fer s k e s, ry m k e s, p o p p eb o ek j e s, a p p s en n o c h f o l l e m e a r!

De Lytse Heit & Mem 2015  
De Lytse Heit & Mem 2015  

De Lytse Heit en Mem wurdt fergees ferspraat yn in oplage fan 8000 eksimplaren fia it Taaltaske. It Taaltaske is in kadootsje fan de provins...

Advertisement