Hasto ynkoarten in brulloft? Of miskien silst sels yn it houliksboatsje stappe? Wat setst dan op de troukaart?
Of bist in bytsje fereale en kinst wol wat ynspiraasje brûke foar op it Falentynskaartsje?
Of fynst it gewoan hearlik om moaie leafdefolle teksten en gedichten te lêzen?
Dan ha wy in tip foar dy: 'Leafste leave'.
Yn it boekje binne mearleafst 64 prachtige teksten en gedichten sammele oer de leafde.