Heit & Mem 3 2012

Page 46

Dieuwke van der Meer is redakteur fan Heit en Mem en webredakteur fan www.heitenmem.nl. Se is troud en krekt mem fan dochter Maaike. (6 moanne)

Dieuwke van der Meer

De natoer

Reagearje op dizze kollum en/of foto’s sjen fan baby Maaike? Sjoch op Heitenmem.nl!

Reagearje op dizze kollum en/of foto’s sjen fan baby Maaike? Sjoch op Heitenmem.nl!

Dêr leit se dan yn har readrute jurkje allermachtichst skattige gelûdsjes te meitsjen en har hantsjes ûnder te fliberjen. Der kipet in sinnestriel troch it rút, krekt op har wankje. Us moaie dochter, Maaike Rigt. En wat is se leuk… It wie op 14 maaie, dat se op de wrâld kaam. Yn de prachtige tiid dat ik swanger wie, hie ik in befalplan opsteld. In moaie en rêstige thúsbefalling hie ik foar eagen. Lekker de weeën opfange yn in waarm bad mei lavindeloalje, of ûnder de dûs. En manleaf dy’t myn rêch massearret wylst der rêstjaande muzyk út de boksen wei klinkt en it kearsljocht baarnt om in fredige sfear te kreëarjen. Nee, ik seach der net tsjinop. Ik fertroude hielendal op de natoer. At ik dat befalplan no weromlês, moat ik lûdop laitsje. Hoe koe ik sa nayf wêze? Ien op de trije froulju fynt de befalling in traumatysk barren, sa lies ik fan ’e wike op ynternet. Ik moat earlik tajaan

dat dat foar my ek sa wie. Sa’n moaie foarstelling fan in befalling is leuk, mar de praktyk is faak dochs even oars. Doe’t se my mei 42 wiken en trije dagen oan de weeëopwekkers setten hienen, frege ik my serieus ôf hoe’t it dochs mooglik wie dat de minskheid noch bestie. Wêrom woenen froulju überhaupt noch bern krije? Wêrom hie net ien my dêrfoar warskôge? Dy helske pinen woe ik noait wer fiele! Yn myn befalplan stie ek dat ik gjin rêchprik woe. No, at de anestesist net gau kommen wie, hie ik dy sels wol set. Dat de natoer dat hiele befallen net efkes oars betinke kinnen hie. Uteinlik is ús famke berne mei in keizersneed. Sa’n foar my heftige befalling hat my fuortendaliks mei beide fuotten op de grûn set. Wisten jim dat oer de hiele wrâld alle jierren mear as in heal miljoen froulju stjerre yn de perioade fan harren swangerskip of by de befalling? Dat is ien op de 27 froulju en ien stjergefal yn de minút. En dan hawwe wy it noch net oer de lytse poppen sels... Dat die my beseffen watfoar gelok at Maaike en ik hawwe dat wy yn sa’n moai lân as Nederlân libje. Hoewol’t in protte froulju it befallen as traumatysk erfare, beslute dochs in soad stellen it der nochris op te weagjen. ‘Je ferjitte de pine wer, want sa wurket de natoer’, sizze myn freondinnen. Apart fyn ik dat. Dy rare natoer, dy hâldt je moai foar it lapke. Se lit dy de pine ferjitte en as je dan wer yn in weeëstoarm sitte, it hiele sikehûs byelkoar flokke en de hannen fan de partner fynknipe, kin dy hiele natoer je grif even stellen wurde. Mar at dan sa’n moai leaf famke mei har moaie glinsterjende eachjes nei dy laket, dy oerweldiget mei in geweldich gefoel fan binnen en dyn hert rane lit, makket dat alles, mar dan ek echt alles wer goed. Moai hen, dy natoer…

ducten o r p e g i d n a H zinnen! e g e k k u r d voor

Kortingscode heitenmem01 voor 10% korting! - gezinsplanners (week en maand) - eetspel voor moeilijke eters - kinderwekker voor (te) vroege vogels - opvoedboeken en nog veel meer!

WWW.GEMAKKELUK.NL 46


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.