Page 1

GRATIS EN FERGEES

NR. 03 - 2012

De hân op ’e knip

be urske s ti ps f oa r lytse

tweelingtransfusiesyndroom

'Ik wilde beide baby's niet kwijt'

De knoop deryn!

sterilisaasje, hy of sy?


de Zorg van één Kraamzus t 0513 418888 • www.kraamzus.nl

Catalpa Catalpa Kinderopvang Kinderopvang

Jens & Julia kidswear

Meertalige kinderopvang, Fries en Nederlands!

Meertalen nu – meer kansen voor later Op onze gezellige locaties krijgen kinderen de talen aangeboden oa door voorlezen, liedjes en gesprekjes. Het geeft een extra stimulans aan hun ontwikkeling. Juist daardoor krijgen zij iets extra’s mee voor later. T 0800-0743 (gratis), www.catalpa.nl

Baby- en kinderkleding van maat 50 t/m 164 Babyface Dirkje Blue Seven Hust Claire Blue System

Peperstraat 10 Leeuwarden www.jensjulia.com


Us hÚsdiEr

Wolle jim ek mei jim húsdier yn Heit en Mem? Stjoer dan in foto mei in koart ferhaaltsje nei ynfo@heitenmem.nl

‘Earder hienen wy twa hûnen, mar doe’t dy deagongen wienen wy der wis fan dat wy al wer in nije hûn ha woenen. Wy hâlde fan grutte hûnen en hawwe it leafst ien mei koart hier. Dat is praktysk mei al dat hûnehier. Op marktplaats.nl seagen wy it oanbod fan in man dy’t in fokprogramma opsetten hie mei dizze twa rassen. De man wie entûsjast en sa binne wy oan Beau kommen. Beau is bearesterk. Ik lit har meastentiids mei de fyts út. Ik ha in fear oan it achtertsjil en dan draaft

Maaike en Christiaan Miedema hawwe trije bern: Femke (8), Sytze (7) en Aukje (5). Beau heart ek by de húshâlding. Beau is in krusing tusken in Dalmatiër en in Bordeaux-dog.

se moai mei. Mar eins rint Christiaan it measte mei de hûn. Hy is Beau har baas. De bern litte har net út, dy boartsje meastentiids mei har, lekker stoeie. Mar dan noch is it oppassen dat sy jonge bern net omfier draaft. Beau is tige waaks, overloaded mei enerzjy en hiel boartlik. Nettsjinsteande dat Beau ôfgryslik flybje kin, lykas wol mear Bordeaux-dogs, is sy foar ús de allerleafste hûn. Mei in ferskuorrende blaf en dochs mar in hiel lyts hertsje.’

3


Ciska Noordmans is redakteur fan Heit en Mem. Se is troud en is mem fan twa moaie bern, Maite (12) en Netithon (8).

Ciska Noordmans

Heit en Mem as argyf Rykdom sit somtiden yn hiel gewoane dingen. Dingen fan alledei dêr’tst ynienen fan sjochst hoe bysûnder as se eins binne. As wy fan fakânsje weromkomme, sykje wy in pear foto’s út dy’t wy dan útprintsje litte. Dêrnei plakke wy se op de keamersdoar of bedarje se op de sliepkeamerdoar fan de bern. Sa kinne wy der nochris oer prate en oaren sjen litte wat dingen as wy by de ein hân ha. Want wurden binne dochs krekt wer wat oars as bylden. Mei wurden kinst minsken yn ferfiering bringe, de kjeld fan in wetterfal fiele litte en kinst ien de rook fan de fisk- en fleismerk opsnuve litte. Dat is hiel wat oars as in snapshot fan dyn digitale tastel.

Kolofon

Redaksje Ciska Noordmans, Dieuwke van der Meer, Tineke Smidt, Aukje Mulder, Thomas Stuiver Haadredakteur: Ernst Bruinsma Meiwurkers: Marrit de Schiffart, Femke Jaarsma, Tjettje Miedema, Aukje Mulder, Hindrik Kingma, Thea van der Schaaf, Nynke van der Zee, Tjalling de Vries, Karen Bies, Ate Grijpstra, Marieke Vinckers

4

Korreksje: Ytsje Steen-Buwalda info@sekuer.nl Redaksje-adres/ útjouwer: Afûk Postbus 53 8900 AB Ljouwert www.afuk.nl e-mail: ynfo@afuk.nl / ynfo@heitenmem.nl tel.: 058 - 234 30 70 Printwurk: Senefelder Misset, Doetinchem www.senefelder.nl info@senefelder.nl tel.: 0314 - 35 55 00 Yllustraasjes: Natascha Stenvert (side 30, 31)

Foarmjouwer: BW H ontwerpers www.bwhontwerpers.nl info@bwhontwerpers.nl tel.: 058 - 213 35 43 Fotografy: Het Hoge Noorden www.hogenoorden.nl info@hogenoorden.nl tel.: 058 - 215 79 66 Fotografie Lydia studio foto's www.fotografielydia.nl info@fotografielydia.nl tel.: 06 - 25 135 898 Aukje Helmholt-van der Meulen (side 27) Anja Brouwer (side 14 adventurerun)

Sa ha wy noch boekeplanken fol mei fotoboeken fan foar it digitale tiidrek. Maite har earste laits, har earste tosk, de wetterpokken, de earste stapkes, by pake yn ’e kroade ensafuorthinne. Allegearre fêstlein op byld. Sjogge wy dy foto’s wer, dan gean der laadsjes iepen en komme de ferhalen. Ferhalen dy’t Maite dan wer helpe om har skiednis yn te kleurjen. Har persoanlike kleurefilmke. Doe’t Netithon by ús kaam, wie hy fjouwer. It setsje klean dat hy oanhie en in plestik slúfke mei in tekening, in skrift mei Taiske letters, in hiel skema fan syn deistige ritme én in cd’tsje, dat wie alles dat er meikrige. Dat cd’tsje triggere ús fansels. Soenen dêr babyfoto’s opstean? Ek syn earste stapkes, toskjes en wetterpokken? Soenen wy dan dochs ek fan him bylden meikrigen hawwe fan syn earste jierren, dêr’t wy hielendal gjin plaatsje fan meitsje kinne? Doe’t wy it skyfke oan ’e praat hienen, kaam der presys ien foto foar ’t ljocht. Ien groepsfoto, krekt makke. Syn hurde skiif is wiske en syn histoarysk argyf begjint by ús yn Nederlân. Foar alles is in ein en in begjin. Gelokkich mar. Heit en mem wêze begjint meastentiids by de swangerskip. De redaksje fan HEIT en MEM begûn yn 2009 mei it earste nûmer en as wy dat derby pakke en it stof derôf slaan, roppe wy ek: ‘It blêd is wol groeid hear!’ Krekt as is it ús berntsje, en sa fielt it fansels ek wol in bytsje. No stean wy oan de widze fan in nij projekt. De swangerskipstest is posityf. Jim meie it alfêst witte: yn oktober 2013 hawwe wy de earste HEIT & MEM beurs, yn it WTC yn Ljouwert! It duorret noch eefkes, mar do komst dan dochs ek op poppeslok?

Distribúsje: Heit en Mem wurdt fergees ferspraat yn in oplage fan 35.000 eksimplaren. Der wurdt wurke neffens in redaksjestatút dat boarch stiet foar de ûnofhinklikheid fan de redaksje. Dizze Heit en Mem is it tredde nûmer dat yn 2012 ferskynt fan dizze rige. Heit en Mem is in meartalich tydskrift en spesifyk rjochte op âlders mei bern yn Fryslân. Heit en Mem is fergees te krijen by boekhannels, bibleteken, gemeentehuzen en yn oare iepenbiere romten. Sjoch foar de ferspriedingslist op www.heitenmem.nl. Abonnemint Mei in abonnemint op it blêd Heit en Mem wurdt jo foar € 10,3 nûmers tastjoerd. Sjoch op www.heitenmem.nl foar mear ynformaasje. ISSN: 1878-4437 Heit en Mem kinst ek folgje fia: Utjûn mei stipe fan de provinsje Fryslân.


Ynhâld nr. 03 24

Boartersguod as learmiddel

12

36

Boartsje mei sûkelade

Erfgoededukaasje yn Fryslân

03

Us húsdier

29

Heit en Mem Boeken

06

Heit en Mem Post

30

Op'e lytskes passe

09

Earste help by berneûngelokjes

32

Desimberstress

11

Swier & Swiet

35

Kollum Tjalling de Vries

12

Erfgoededukaasje yn Fryslân

36

Om dy de fingers by ôf te slikjen

14

Bern

40

De knoop deryn

17

Heit & Mem Beurs

42

Fotowedstriid Bern & Rein

18

Winter

43

Kollum Hindrik Kingma

21

Het Tweelingtransfusiesyndroom

44

Anorexia op de basisschool

24

Boartersguod as learmiddel

46

Kollum Dieuwke van der Meer

27

Yn ferwachting

47

Pake syn poppen

28

Bernepraatsjes

5


HEIt & MEM POst Yn maart komt it folgjende nûmer fan Heit & Mem út. Wolsto wat oan ús kwyt? In bysûnder ferhaal, in moaie foto, in goeie tip of gewoan dyn miening ergens oer? Mail it ús of stjoer it op! ynfo@heitenmem.nl Heit & Mem Postbus 53 8900 AB Ljouwert. Of sykje ús op fia Twitter, Hyves of Facebook.

br

ûk #hE itE nM op tw EM it t Er tw En f yn r dyn oM hE i yn t& dE ME M!

EE t

op dE coVEr pakE syn karrE

Op de cover stiet Robbert den Dunnen. Hy is tsien jier, sit yn groep 8 en is gek op fuotbal en pianospyljen. Hy is al in oantal jierren model en fynt dat hiel leuk! Robbert hat klean oan fan de bernekleanwinkel Jens & Julia, Peperstraat 10 yn Ljouwert.

Ik bin oppas fan in protte lytse berntsjes. Ik ha myn skoanheit frege oft dy in handige karre foar my meitsje woe, sadat ik mei alle lytse berntsjes der even op út kin. No sjoch, hjir is it resultaat… is it net in pracht? De oppasbern fine it in feest om yn sa’n karre te sitten. Wy geane der gauris op út en wy ha in protte bekyk. Tankewol allerleafste pake! ‘Tante’ Richt Tolsma-Anema

lEkkEr aaikE Op in moarntiid gong Jarno (1,5 jier) yn de kuolkast op syk nei wat lekkers. Dêr fûn er in doaske mei aaien… Jarno Postma út Twizelerheide

6

wE

11-11-11 Op tongersdei 10 novimber 2011 krige ik spontane weeën. Ik wie de deis dêrfoar opnommen yn it sikehûs, omdat ik in te hege bloeddruk hie en net mear nei hûs ta mocht. Ik wie dêr al op taret en hie de tas meinaam. Doe’t de weeën begûn wienen en ik op ’e ferloskeamer lei, gie it allegear net mear sa flot. De suster sei noch: ‘Miskien komt it moarn wol, op de troudei fan Jan Smit en syn Lisa.’ Mar wy hienen it noch net hân oer de datum... de alfde fan de alfde. Jitse Jan is berne op freedtemoarn om fiif foar fiven op 11-11-2011. Dy sneins kaam de suster mei de meidieling dat Jitse Jan de earstberne poppe wie op dy datum yn it Antonius Sikehûs yn Snits. Sy frege ek oft wy belangstelling hienen foar de Karnavalsferieniging ‘De Oeletoeters’ út Snits. Myn man sei: ‘Ja fansels, lit mar komme!’ Wêrop’t ik tocht: man, hoe kinst dat no sizze, ik sjoch der net út! It wie allegear hiel bysûnder. Wy ha twa kear yn ’e krante stien. Jitse Jan krige in wiere oarkonde, in medalje en in bedrach op syn sparrekken! Elisa, Jan Siebe & Jitse Jan de Boer


allE trijE swiEr Yn ’e winter fan 2011 hongen der trije berjochtsjes op it boerd yn ’e kantine fan ús moadesaak mei de meidieling: “Myn mem krijt in poppe yn ’e blommemoanne.” Wy as kollega’s hienen alle trije fan ús earste poppe yn ferwachting west yn deselde perioade. Doe krigen wy alle trije ek noch in jonkje! Dat wie al hiel bysûnder. Mar yn 2012 wienen wy wer alle trije tagelyk swier, fan ús twadde poppe. It resultaat: twa fammen en in jonkje. Marjanna is berne op de earste fan de moanne maaie. Karlijn en Bart binne op deselde dei berne.

Krekt as by ús earste poppen binne alle trije bern ferneamd nei in beppe of pake. En ek nei in sus of broer. Yn augustus binne wy wer oan it wurk gien. Yn ’e winter fan 2012 hongen der wer trije berjochtsjes op it boerd yn ’e kantine, mei de meidieling: “Myn mem is sûn en blier werom tebek!” foto’s op ’e trep Fan links nei rjochts: Etty mei Bart (Pier Egbert), Liesbeth mei Marjanna (Marjet Johanna), Marieke mei Karlijn (Karlijn Sytske)

poppE fan dE MoannE! jUly

jUny Elin Veenstra

Jens Groeneveld

(2 dagen) út Dokkum

(3 dagen) út De Tynje

aUgUstUs

sEptiMbEr

hUp hEit! Heit Sybrand van Hofwegen (Fries om utens) wennet yn Amsterdam. Hy fytste op 28 maaie foar de alfde kear de Alvestêdetocht. Syn soantsje Sam wie doe krekt alve wiken âld en moedige syn heit oan yn Starum.

Femke Willyanna Rintjema

Paulus Pieke van der Zee

(9 moanne) út Damwâld

(4 moanne) út Spanje

Fynsto dat dyn soan, dochter, beppesizzer, omkesizzer, buorjonkje of buorfamke ek de moaiste poppe fan de wrâld is? Mail dan in foto nei ynfo@heitenmem.nl en wa wit stiet dyn foto in skoftsje letter as poppe fan de moanne op heitenmem.nl en krije jo it nijste Fryske berneboek tastjoerd!

Pake Frans en beppe Tilly van Hofwegen út Stiens

7


ikke fallen!

Bern fan 0 oant 4 jier… Bytsje by bytsje ûntdekke se de wrâld om har hinne. Se binne nijsgjirrich en fine alles ynteressant. Mar… tagelyk sjogge se gjin gefaar. Ungelokjes komme dus wolris foar. Sterker noch, se hearre derby. Wat binne yn ’e hûs de meast foarkommende berneûngelokjes? En – noch belangriker – hoe rjochtest it hûs sa yn dat dy ûngelokjes foarkommen wurde kinne?

Tips foar in kidsproof ynterieur I n rútbefeiliger soarget derfoar dat bern it rút net fierder as 10 sintimeter iepen krije kinne. Set feilichheidsplaatsjes op alle stopkontakten.

8

In badkraanbeskermer fan opblaasber plestik foarkomt dat bern harren stompe of baarne oan de kraan.

 et skjinmakmiddels net yn S it goatstienkastje, mar yn in heger kastje.

 rûp ris op de eachhichte K fan de bern troch de hûs en sjoch watst allegearre tsjinkomst. Binne der skerpe rântsjes of hoeken? Keapje tafelhoekjes en dek de skerpe rânen ôf.

Brûk gjin kleedsjes dy’t bern maklik fan ’e tafel lûke kinne. Oan de itenstafel binne placemats it handichst. Boarne: Consument en Veiligheid


1 2 3

Marrit de Schiffart

Earste help by berneûngelokjes!

fan ’e trep falle

finger tusken de doar

Maaike (3) fertelt mei grutte eagen oan beppe wat der juster bard is. Se krige de finger tusken de doar. As bewiis stekt se har pearsblauwe wiisfinger yn ’e loft.

Der is hast net in bern dat grut wurdt sûnder in finger tusken de doar hân te hawwen. Meastal falt it ta, mar soms leveret it in kniesde of brutsen finger op. Beknypt reitsje is nei fallen it meast foarkommende ûngelok yn ’e hûs. Doarren binne meastal de oarsaak, mar ek tusken de spilen fan ledikantsjes of boksen kinne bern beknypt reitsje. Hoe foar te kommen? De spilen fan ledikantsjes en boksen meie net fierder útelkoar stean as 6 sintimeter. By in gruttere ôfstân kin in bern mei de holle of de fuotten beknypt reitsje. Keapje in doarbuffer. Dy blokkearret de doar as dy hurd tichtslacht. In doarspleetbefeiliger foarkomt dat lytse fingerkes oan de skarnierkant fan ’e doar beknypt reitsje. Beide produkten binne te krijen by doch-it-selssaken. By babyspesjaalsaken binne ek spesjale slotsjes foar (keuken)kasten te krijen. Fansels binne der ek simpele oplossingen dêr’tst net foar nei de winkel hoechst: in heakje op ’e doar om de doar fêst te setten of in blokje dat ûnder de doar skood wurde kin. Altyd handich is om doarkrukken fertikaal op ’e doar te montearjen. Dan is it foar bern folle lestiger om de doarren iepen te krijen.

Lytse Jelle fan 2 is mei heit oan it mâltjirgjen op ’e bank. Jelle klimt op en oer heit hinne. Heit en soan genietsje. Mar dan falt Jelle. Hy gûlt mear fan ’e skrik as dat it him echt sear docht. Mar de situaasje hie fansels ek oars ôfrinne kinnen.

Falûngelokken binne mei stip de meast foarkommende berneûngelokjes yn ’e hûs. Bern falle it faakst fan de trep. Dêrnei komme de bank, it bêd, de kommoade en de glydbaan. Bern dy’t âlder binne as 2 jier kinne sa’n fal al goed opfange. Jongere bern noch net! En dat wylst dy har motoarysk wol hiel fluch ûntwikkelje. Wylst se it omrôljen, sitten, krûpen en stean oan it oefenjen binne, ferlieze se soms har evenwicht. En dan falle se dus wolris. Hoe foar te kommen? Bern falle faak om’t se earne oer stroffelje. Om dat foar te kommen is in opromme hûs fan belang. Soargje derfoar dat rûnslingerjend boartersguod nei it boartsjen opromme wurdt. Lit ek gjin guod op ’e trep lizze. Fierdere tips foar de trep binne trepstekjes, antyslipstrips op glêde treden en in trepsleuning foar bern. It is ek handich om it treprinnen te oefenjen. Rin achter dyn berntsje as jim de trep opgeane en foar it berntsje as jim by de trep del geane. Lit dyn berntsje noait op sokken treprinne.

Binne de planten by jim yn ’e hûs giftich?

in stientsje yn ’e noas

Hidde (1) krûpt troch de wenkeamer. Yn de pot fan in keamerplant fynt er allegearre lytse brúnreade stientsjes. Dy binne moai! Hidde pakt in stientsje en bestudearret it ris goed. Hee sjoch no ris, it past presys yn syn noas, dat is tafallich! Bern en lytse foarwerpen binne gjin goeie komby. Foar’tst it witst, triuwe se sokke ‘lichemsfrjemde objekten’ yn noas, ear of mûle. Pjutten dy’t yn de saneamde ‘orale faze’ sitte, wolle alles yn ’e mûle ha. Dêrtroch kinne se har ferslokke. Of sels stikke. Op har ûntdekkingsreis hawwe guon bern oanstriid om net-ytbere stoffen lykas modder of plestik op te iten. Dat wurdt ‘pica’ neamd en komt faak allinne by bern ûnder de 2 jier foar. Hoe foar te kommen? Kies boartersguod dat by de leeftyd fan dyn berntsje past. Jou bern ûnder de 3 jier gjin lyts boartersguod, lykas kralen en knikkers. Tink derom dat de folling fan boartersguod net frijkomme kin. Knuffels kinne soms maklik iepenmakke wurde wêrtroch’t der plestik baltsjes frijkomme kinne, of skomrubber. Kontrolearje it boartersguod dus goed en goai it fuort as it stikken is. Soargje der fierder foar dat planten bûten it berik fan bern steane. Sykje ek út oft de planten dy’t yn ’e hûs steane, giftich binne.

9


Nieuw van Isis ZwangerschAppAssistent

Jouw coach rondom de kraamtijd T 088 512 2000 • www.isiskraamzorg.nl

isis ADV 204 x 64_hait en mem_v120221_DEF.indd 1

 in de App Store op Android Market

21-02-12 14:24


sWIER & sWIEt YN ’E WASKMASINE!

BORSTVOEDINGSTHEE Geef je borstvoeding of ben je dat van plan? Drink dan eens een kopje borstvoedingsthee van bijvoorbeeld Weleda. Je zult zien dat je melkproductie zal toenemen. Want de planten in deze kruidenmix staan bekend om hun melkbevorderende, rustgevende en harmoniserende werking.

De werbrûkbere ruftbroekjes fan Hamac kinne brûkt wurde mei waskbere ynlizzers of ynlizzers dy’tst fuortgoaie kinst. De ruften binne 100% ekologysk en ekonomysk ferantwurde en ek noch superhip! Kinst se bestelle op www.opdegrotepaddestoel.nl yn ferskate kleuren en maten.

BUMBOSITTER OAN ’E SLINGER In orizjineel (kream)kado is dizze slinger fan hout. De houten letters binne sa’n 13 sm heech. Kinst foar de dekoraasje in kar meitsje út ferskate fleurige behangpatroanen. Bestel dyn eigen namme of betink sels in leuke tekst! Sjoch gau op www.decorella.nl.

In de Bumbo Baby Sitter kunnen kinderen van 3 maanden tot ongeveer 14 maanden zonder hulp zelf rechtop zitten. Het gewicht van de baby zorgt ervoor dat deze er moeilijk uit kan klimmen. Het stoeltje is zacht, flexibel, comfortabel en licht van gewicht. Verkrijgbaar in leuke kleurtjes via www.bumbositter.com.

MEM HAR FAMKE! Mei sa’n kreamkadootsje makkest eltse heit of mem bliid! Ek te krijen mei de tekst: ‘Mem har pop’, ‘Mem har jonkje’, ‘Heit syn pop’, ‘Heit syn famke’ en ‘Heit syn jonkje’. Yn de maten 50/56 en 62/68, en yn de kleuren rôs, blau of wyt. (priis: €10,50) Te krijen yn de Afûkwinkel of te bestellen fia www.afuk.nl

11


erfgoededukaasje yn fryslân

Leare oer erfgoed hoecht net saai te wêzen Femke Jaarsma

Lesjaan oer erfgoed, hoe dogge je dat op sa’n manier dat it net saai wurdt? Der blike genôch nijsgjirrige en suksesfolle erfgoededukaasjeprojekten te wêzen yn Fryslân. Op Kultuerfilter.nl, de webside foar ûnderwiis op it gebiet fan keunst-, media- en erfgoededukaasje yn Fryslân, stie al in koart oersjoch. Dy list wie lykwols lang net folslein. Keunstwurk betocht dêrom yn ’e mande mei Steunpunt Monumentenzorg Fryslân en Museumfederatie Fryslân in wedstryd foar it bêste erfgoededukaasje­projekt fan Fryslân. Doel: útfine hokker projekten oft én learsum én nijsgjirrich binne foar bern fan groep 1 oant en mei groep 8 yn it basisûnderwiis. Anja Sinnige, adviseur erfgoededukaasje by Keunstwurk, fertelt oer de ynstek fan de wedstryd. ‘Wy woene in ynventarisaasje meitsje fan erfgoededukaasjeprojekten yn Fryslân dy’t werklik geskikt binne foar gebrûk op skoallen.’ Sinnige

12

leit út dat de yntsjinne projekten yngeand beoardiele binne - troch in ûnderwiissjuery fan acht learkrêften út it basisûnderwiis - op relevânsje, kwaliteit, sukses en werhelberheid. De winner kriget in oarkonde foar “it bêste erfgoededukaasjeprojekt fan Fryslân 2012”, in Frysk ferrassingspakket en in soad oandacht yn de Fryske media. Argeology foar beukers Der is mar in lyts bytsje edukatyf oanbod foar beukers op it gebiet fan erfgoed. Wylst beukers hiel nijsgjirrich binne en graach aktyf meidwaan wolle. Reden genôch foar in learkrêft fan in basisskoalle yn Swolle om in argeologyprojekt foar beukers te ûntwikkeljen. Tineke Neyman bewurke dat projekt foar skoallen yn Fryslân ta it draaiboek “Argeology foar beukers”. Yn sân stappen meitsje bern kennis mei de begripen ‘âld’ en ‘nij’, dogge hja sels ‘histoaryske’ opgravingen yn ’e sânbak, puzelje har fynsten ynelkoar, besjogge foto’s fan fergelykbere foarwerpen,

meitsje yn ’e klasse kennis mei in echte argeolooch, geane nei in museum en meitsje sels in kûgelpôt fan klaai. Alders, learkrêften en ek musea reagearje posityf nei ôfrin fan it projekt. Sa fertelden in oantal âlders dat harren beukers yn ’e hjerstfakânsje mei amers it maisfjild yn teagen om diggels te sykjen. In learkrêft fertelt: ‘Wy hawwe it hân oer hiel lang lyn. Oer de tiid fan de dinosaurussen en oer de tiid fan de earste minsken. It klinkt yngewikkeld foar beukers, mar it wie in hiel aardich tema. De bern hawwe der in soad fan leard.’ En in reaksje fan in museum: ‘Wat binne beukers leuk publyk! Hja fine alles ynteressant.’ Mear ynformaasje: www.kultuerfilter.nl Doen als toen It kultuerhistoarysk iepenloftmuseum De Sûkerei yn Damwâld, dat sûnt april 2008 bestiet, hat in spesjaal programma ûntwikkele foar de groepen fiif en


seis fan de basisskoalle. It ynteraktyf edukaasjeprojekt “Doen als toen” leart bern boartsjenderwize oer kultuerhistoarje, lânskip en natuer en dan spesifyk rjochte op de Noardlike Fryske Wâlden yn de tiid om it jier 1920 hinne, yn relaasje ta de hjoeddeistige tiid. Yn septimber 2010 gong De Sûkerei fan start mei “Doen als toen”. En it ‘útdaagjende 2,5 oere duorjende programma’ blykt in sukses. Sa diene yn 2011 yn totaal 384 en yn 2012 oant no ta 325 learlingen mei. De bern meitsje al boartsjend kennis mei har foarâlden. Yn in yntroduksjefilm sjogge hja de sutelder, de jager, de boer en de arbeider fan it sûkereifabryk ta libben kommen. Dêrnei geane hja sels op ûndersyk út. Klaas Taekema fan De Sûkerei fertelt entûsjast oer de ûnderfinings. ‘De bern sykje altyd mei in soad wille nei âlde foarwerpen yn de wâldhúskes. Ek de spultsjes fan earder, lykas hinkeljen, steltrinnen en knikkerjen - wêrby’t de bern âlderwetske kyltsjes en skelkjes oer

de klean oan ha meie - dogge it goed.’ Basisprinsipe fan it projekt is dan ek dat der mear oandacht bestege wurdt oan it sels ûntdekken as oan feiten en details. Mear ynformaasje: www.desukerei.nl

winnaar Vroeger Dichtbij Stichting TOF media, film en educatie út Grins ûntwikkele “Vroeger Dichtbij”, in edukatyf filmprojekt foar de groepen sân en acht fan it basisûnderwiis. Yn dat projekt komme de ferhalen út it ferline ta libben trochdat bern sels speure nei de geheimen fan it doarp dêr’t sy wenje. Doelen: it (op ’e nij) kreëarjen fan respekt en wurdearring foar de direkte omjouwing, en it gearwurkjen mei oaren. “Vroeger Dichtbij” is op meardere fakken fan tapassing, wêrby’t it meitsjen fan foto’s,

film, animaasje en it dwaan fan ûndersyk fakken as maatskiplike foarming, technyk, Nederlânsk en drama rekket. It projekt is opboud út in oantal ûnderdielen. As earste meitsje learlingen in foto mei in dúdlike fraach oer eat út it doarp fan earder. Dêrnei sykje hja antwurden by senioaren út it doarp. Dan geane hja op syk nei oanfoljend byldmateriaal. By de ferhalen fan de senioaren meitsje hja dêrnei animaasjes en de senioaren wurde ynterviewd en filme. It einprodukt is in unike film mei in echte premjêre en in tentoanstelling. ‘Ik stean al 23 jier foar de klasse en wat der no mei de bern barde, dat ha ik noch net faak meimakke. Selden seach ik sa’n belutsenens fan de learlingen, by elkoar, by de ûnderfinings fan de senioaren en by de histoarje fan har eigen leefomjouwing,’ is de reaksje fan in learkrêft. Mear ynformaasje: www.vroegerdichtbij.nl

13


BERn klEUrwEdstriid: win it boEk ‘dE VrolijkE twEEling’!

Moat ik nEi dE doktEr?

Sjoch gau op www.heitenmem.nl. Download de kleurplaat, kleurje dy moai yn en stjoer him op. De makkers fan de fiif moaiste kleurplaten krije it boek ‘De vrolijke tweeling’ tastjoerd! De wedstriid rint oant en mei 1 maart.

Hûdútslach dy’t net oergean wol of in bern mei koarts? Eltsenien twivelet wolris oft in besyk oan de húsarts nedich is. Mei de app ‘Moet ik naar de dokter?’ kinst sels bepale wannear’t it nedich is om de húsarts yn te skeakeljen. De app jout ek oan watst sels dwaan kinst om de klachten te ferlichtsjen. Te downloaden yn de appstore of fia www.moetiknaardedokter.nl.

rEnnEnd oVEr aMEland!

toskEbist Dit hynder-toskebist bewarret de bernetoskjes yn syn eigen mûle. De útfallen molktosk drukst yn de waaks yn it bekje fan it bist. Hy sil op de toskjes passe as binne it syn eigen... Op www.tandenbeestje.nl te bestellen foar € 24,95.

hjir sit... Heit en mem soenen der hast jaloersk op wurde! In bankje allinnich foar Jade. It steigerhouten bankje is fansels ek te krijen foar Tom, Maaike, Djurre en Benthe. Sjoch op www.vanleyenhout.nl. Fynst dêr ek noch oare leuke bernemeubels, sa as bêden, krukjes en stuoltsjes.

14

Hou je van hardlopen en heb je een bereconditie? Ben je tussen de 4 en 12 jaar oud dan is er speciaal voor jou een run over 1 of 2 km door de straten van Nes. Aangemoedigd door vaders, moeders, vrienden en familie. Ze mogen allemaal mee! Na een gezamenlijke warming-up, het startschot en er dan vol tegenaan. De hele afstand in een keer of met af en toe even wandelen. En dan als een winnaar over de finish, trots en natuurlijk beloond met een mooi aandenken en wat lekkers. Kijk ook op www.adventurerun.nl/kidsrun.


hErbrUikbarE zakjEs Handig, hip en beter voor het milieu dan al die plastic zakjes. De Baggies van Keep Leaf zijn gemaakt van katoen met een waterafstotende nylon binnenkant en ze sluiten zeer goed met klittenband. De boterhamzakjes zijn vrij van schadelijke stoffen zoals weekmakers, BPA en lood. De Baggies zijn eenvoudig af te spoelen onder de kraan. Ze mogen in de wasmachine en ook in het bovenste rek van de vaatwasser. Ideaal voor op school of onderweg! Voor € 6,95 te bestellen bij www.greenjump.nl.

gjin potsjE dErfan MEitsjE! Mei dit persoanlike potsje fan www.kidzincolor.com is skjin wurde in makje! Ek te krijen yn it wyt mei blauwe of sulveren letters, foar € 13,95.

aldfrEd jodocUs kwak in hEt thEatEr! Kent u hem nog? Alfred is terug! Met een nieuwe theatershow voor het hele gezin. In de voorstelling ‘Vader’ komt de wereldberoemde eend voor misschien het grootste raadsel in zijn leven te staan. Op een dag zegt zijn vrouw Winnie in tranen van geluk: “Schat we krijgen eendjes, met van die kleine teentjes, en snaveltjes zo puik, ‘k heb eendjes in m’n buik.” Alfred is snaterblij. Zeker als Winnie maar liefst zeven eieren leg. Totdat ze een voor een uit het eendennest verdwijnen... Op 18 november te zien in de Harmonie te Leeuwarden. Kijk voor meer informatie op www.alfredjodocuskwak.com.

wisto dat... in protte heiten en memmen harren bern op bêd in flesse mei (swiet of soer) drinken meijouwe? Skande foar dy moaie bernegebitsjes! Yochertdrankjes en limonade dêr’t sûker yn sit, binne absolút net goed foar de toskjes. Boppedat is sok drinken net echt sûn. Mar ek molke befettet fan natuere sûker: molksûker. Soere dranken (bgl. frisdrank en fruchtesop) taaste de tosken

ek oan. Oerdei wurdt flibe oanmakke, dat beskermet de tosken wat. Mar nachts meitsje wy hast gjin flibe oan, dêrtroch is der dan mear kâns dat de tosken oantaast wurde. In bern hat trouwens allinne de earste moannen nachts fieding nedich. In flesse meinimme op bêd is in oanlearde gewoante en net echt nedich. Ast dy gewoante ôfbouwe wolst, kin in fleske wetter dêrby helpe.

15


Moaie kadootsjes fynst by de Afûk……..

Fryske ferskes foar Sinteklaas

Fjouwer dappere mûskes Gerrit Terpstra & Eppie Dam

In cd fol âlde en nije ferskes fan û.o. Piter Wilkens, Gurbe Douwstra, MC Remon en oare Fryske artysten. Sjonge mar!

€ 15,95

€10,00 De Gruffalo Julia Donaldson, yll. Axel Scheffler

€ 12,95

Mûs giet op stap yn it donkere bosk en komt in foks, in ûle en in gruffalo tsjjin. Dy ha allegear wol sin oan in hapke mûs. Hoe sil er him dêr útrêde? Dit kostlike printeboek op rym is no ek yn it Frysk ferskynd.

Bernebibel (oanbieding) Marijke ten Cate

€ 19,95

Bibelferhalen yn eigentiidske op bern rjochte taal. Fan it ferhaal fan de skepping oant de dei dat Jezus weromkomme sil. Mei waarme en kleurrike yllustraasjes.

In bysûnder printeboek oer fjouwer mûskes út ‘e fjouwer wynstreken dy’t op reis geane. Se wolle fierder sjen as it lân dêr’t se weikomme. Nei in idee en mei prachtige skilderijen fan byldzjend keunstner Gerrit Terpstra.

It grutte poepkonkoers Guido van Genechten

Kening Keutel is in bytsje hingjen bleaun yn syn pis-en-poepperioade. Elk jier ropt hy de minister fan Binnenlânske Poepoangelegenheden by him om it Grutte Poepkonkoers te € 15,95 organisearjen. In humoristysk ferslach yn geuren en kleuren fan in wol hiel ûngewoane keninklijke wedstryd.

De Traveliers – Spoaren! Anny de Jong It nijste boek út de Traveliers-searje, in rige spannende en nijsgjirrige boeken foar bern fan 10 jier ôf. ‘Spoaren’ nimt ús mei op aventoer yn Finlân: sniescooters, slidehûnen, in € 12,50 geheimsinnich fleantúch...

...en boeken foar dysels, kreamkadootsjes en noch folle mear! De waarmte fan desimber

Trije Fryske topromans foar meiïnoar € 10,-

Oanbieding!

In waarm boek foar de kâldste moannen fan it jier. Fol winterske ferhalen, gedichten, resepten en prachtich wurk fan Fryske byldzjende keunstners. In moai kadoboek foar de lange winterjûnen.Nederlânsktalich.

€12,50

Oanbieding!

It Ferset fan Harmen Wind, Eilândochters fan Wilco Berga en Oxzana fan Marga Claus.

€ 10,-

Fryske boek- en taalwinkel, Bûterhoeke 3, Ljouwert, tel. 058-234 30 70 ek op sneon iepen fan 10.30 oant 17.00 oere of bestel online op www.afuk.nl


aginda: foar yn dyn

hEit & MEM bEUrs wtc EXpo ljoUwErt

25 oant 27 oktobEr 2013 foar

papa en mama, heit & mem, pake & beppe, liedsters en 没nderwizers en alle oare lytse en grutte freonen fan hEit & MEM!

Tjettje Miedema is Project manager bij het WTC Expo Leeuwarden. Binnen het WTC Expo is Tjettje verantwoordelijk voor de ontwikkeling van nieuwe beurzen en evenementen. Ze is 35 weken zwanger; halverwege december verwachten zij en haar man hun eerste kind.

over

kleding, speelgoed, opvoeden en bewust kiezen op het gebied van taal, eten, drinken, zindelijkheid enz.

Meer informatie over de beurs vind je op

www.heitenmembeurs.nl

gEniEtEn! Zwanger zijn betekent veranderingen. De eerste twee, drie maanden valt dat nog mee. Er is nog niks zichtbaar. Je gaat op stap alsof er niets aan de hand is. En op feestjes laat je de wijn passeren, je doet daarbij net alsof je niet helemaal fit bent. Je geniet van je zwangerschap en (bijna) niemand weet het nog. Toch merk je geleidelijk veranderingen aan je lichaam. Je buik begint te groeien, je ruikt beter, krijgt een andere smaak en wordt gevoeliger. Zelf zit ik hier nu middenin en ik merk dat er deze maanden van alles door me heen gaat. Ik geniet volop van mijn eerste zwangerschap en ben gelukkig met het leven dat in mij groeit. Maar het is wel negen maanden topsport. Wat dat betreft lijkt het op mijn werk, het organiseren van consumentenbeurzen. Ook daarbij doorloop ik telkens nieuwe fasen. Zo laat ik op dit moment het gezamenlijk initiatief van de Af没k en het WTC Expo voor een Heit & Mem beurs volgroeien. Dit idee is geboren vanuit het succes van dit tijdschrift. En richt zich net als dit blad op zwangeren en ouders met kinderen tussen de 0 en 12 jaar. De beurs Heit & Mem zal het daglicht zien van vrijdag 25 t/m zondag 27 oktober 2013. Het prenatale stadium ligt intussen achter ons. De beurs wordt deze maand gelanceerd! Natuurlijk moeten er nog 101 dingen gebeuren voordat dit kindje geboren kan worden. Maar het steeds een stapje dichter bij je einddoel komen, is voor mij ook genieten. Net als de eerste kleertjes kopen voor mijn baby.

17 17


Foar de wyn is eltsenien in hurdrider.

WINT ERSA NKJE Troch: Ate Grij ps t ra

flokjes falle wol se allegearre heine yn myn hân wriuwt dêr soms in grutte ingel tûfkes wolken hielendal fyn? fan 'e palmen fan syn hannen falle flokjes flintertin en de wrâld wurdt oe sa rêstich sûnder siken sels de wyn

18

Mei dyn bern te riden oer de Fryske marren en sleatten? Betrouber iis en moaie tochtsjes fynst op www.friescheijsbond.nl


! r e k k e L MMMMM

zopie koeke en e k s t e w r r âlde esept foa In lekker r .nl eitenmem h p o t s n y f

Tip s Hâldt it iis? Nim gjin risiko. In na chtsje deroerhin gean litte kin gjin ne kwea. It dragen fan m eardere laachjes klean helpt tsjin de kjeld. Wês net sunich mei it slypjen fa n de redens; útglide en falle is faak djoerder .

Men moat djip gean, sei de hurdrider, en hy skeat it wek yn.

19


BABY

MARKT

Loopfiets met naam

De voordeligste babyzaak van Friesland!

Van knuffels tot babykamers... Br. De Wittestraat1a BLAUWHUIS 0515-579526 – 06-20158671

WWW.BABYSNUFFELMARKT.NL

BAASHIMD.NL De alderleukste Fryske sjurtwinkel!

.nl • voor

.nl • voor

et

et

erbudg ied

erbudg ied

Alles voor de zwangerschap, baby's en kinderen

www.pjut.nl

Stoer hè? Kidzincolor.com!

Ook adverteren? Neem dan contact op met de Afûk: 058-234 30 84 - ynfo@heitenmem.nl


“Ik voelde beide baby’s schoppen en wilde ze beiden niet kwijt” Als ze op de eerste echo twee hartjes zien kloppen, is het dubbel feest voor Fokke en Marijke Jagersma-van der Wel uit Feanwâlden. Maar bij hun vreugde over de zwangerschap komt spanning als er sprake blijkt van het Tweelingtransfusiesyndroom (TTS).

21 21


Aukje Mulder

Vanwege de kans op complicaties wordt een tweelingzwangerschap door een gynaecoloog begeleid. Dus als hun Dokkumer verloskundige op de allereerste echo een tweeling ziet, verwijst zij Fokke en Marijke naar het Medisch Centrum Leeuwarden (MCL). Met de vermelding dat er kans is op het Tweelingtransfusiesyndroom. ‘Op dat moment drong dat nog niet door’, zegt Marijke achteraf. ‘Er kwam pas spanning toen de zestien weken-echo in het MCL duidelijk liet zien dat het ene kindje meer vruchtwater om zich heen had dan het andere. We werden direct naar Leiden verwezen. Hét expertisecentrum voor TTS in Nederland.’

Ondanks tweelingtransfusiesyndroom toch twee gezonde kinderen. Hun gynaecoloog vertelde wat TTS is. ‘Bij een eeneiige tweeling bevindt elk kindje zich in een eigen vruchtzak en delen beide kinderen samen één placenta en bloedvaten. Zo zijn de bloedsomlopen met elkaar verbonden. De ene baby geeft bloed aan de andere en omgekeerd geeft

22

de andere baby bloed terug. Als het goed is, bestaat er een evenwicht. Bij TTS geeft het ene kindje (de donor) meer bloed weg dan het van het andere terugkrijgt. De donor heeft daardoor een tekort aan bloed, plast minder en mogelijk later helemaal niet meer. Dit kind blijft kleiner en heeft weinig vruchtwater om zich heen terwijl het andere alleen maar groeit in te veel vruchtwater. Dit komt door de grotere hoeveelheid bloed. Hierdoor loopt de ontvanger kans op een “sporthartje”. Uiteindelijk kunnen beiden overlijden.’ Onder controle Ook bij de beide baby’s van Fokke en Marijke ontbreekt het evenwicht. Er is duidelijk sprake van TTS. Marijke zal streng onder controle moeten blijven. Na het eerste bezoek aan Leiden wordt het veertien weken lang op en neer rijden. Iedere keer met spanning: wat laten de echobeelden zien? Want bij een te grote disbalans moet er worden ingegrepen door middel van een laserbehandeling (zie kader). Het team in Leiden is openhartig en geeft aan dat in geval van laseren de volgende vraag zal worden voorgelegd: ‘Wat als tijdens het laseren blijkt dat de problemen in de baarmoeder te groot worden.

Mogen we dan het kindje met de meeste levensverwachting redden ten koste van het andere?’ ‘We wilden hierover niet nadenken. Schoven dit voor ons uit’, zegt Fokke. ‘Ik voelde de beide baby’s schoppen. Had al een band. En wilde ze beiden niet kwijt’, zegt Marijke. Stress Ieder bezoek brengt stress mee. Hoe kijken de artsen en echoscopisten? Hoeveel vruchtwater is er? Wat gaat men zeggen? Vaak is de uitslag ‘op het randje’ en volgt er overleg. Met als uitkomst dat de kleinste toch nog wat blijkt te plassen en dat er nèt voldoende vruchtwater is. Het stel haalt dan opgelucht adem. Gelukkig, laseren is nog niet nodig. Want hoe mooi deze mogelijkheid ook is, zo’n ingreep geeft kans op het breken van de vliezen. Het medisch team houdt de vinger goed aan de pols en laat Fokke en Marijke soms drie keer per week naar Leiden komen. Marijke is als orthopedagoog verbonden aan schoolbegeleidingsdienst Cedin maar krijgt onmiddellijk ziekteverlof. Fokke, projectleider bij de Afûk, ondervindt ook alle medewerking van zijn werkgever. ‘Die steun van twee kanten was belangrijk. Over ons werk hoefden we ons in elk geval geen zorgen te maken. Want deze


zwangerschap verliep natuurlijk heel anders dan ik me had voorgesteld. De cursussen “Zwanger Fit” en “Samen Bevallen” moest ik afzeggen. Vanaf 20 weken mocht ik ook geen huishoudelijke taken meer doen. “Even shoppen” voor de baby’s ging niet. Het was steeds een beetje inleveren.’

Voor Fries stel werd ziekenhuis Leiden een ‘tweede thuis’.

Laserbehandeling bij TTS Prof.dr. Dick Oepkes is als gynaecoloog en perineonatoloog gespecialiseerd in de behandeling van gecompliceerde zwangerschappen en van ongeboren kinderen in het LUMC. Samen met zijn team begeleidt hij zo’n vijftig TTS-zwangerschappen per jaar. ‘Bij TTS konden we voorheen alleen de symptomen bestrijden: week na week het teveel aan vruchtwater laten aflopen. Sinds 2000 kunnen we de oorzaak aanpakken. We maken met een kleine camera de bloedvaten zichtbaar, die we dan met een ingebrachte laser dichtschroeien. Een eenmalige – en afdoende – ingreep.’ ‘Ook al kunnen we tegenwoordig veel bieden, een TTSzwangerschap heeft een hoog risico. Vanwege mogelijke complicaties – gebroken vliezen, vroeggeboorte of een kindje dat niet tegen deze ingreep is opgewassen – zijn we eerlijk over de slagingskansen. Bij 20% van de zwangerschappen gaat het mis en overlijden beide kinderen. Bij 15% overleeft één kind en bij 65% zullen beide baby’s overleven. We doen ons best maar we bieden geen garanties. Het blijft spannend tot het eind. We zijn pas tevreden als ouders met twee gezonde kinderen naar huis gaan.’

Vertrouwen Uiteindelijk komt Marijke alleen nog in een rolstoel buiten. Ze legt zich erbij neer. Iedere dag dat haar baby’s het goed doen, is immers meegenomen. Ze blijft, samen met Fokke en gesteund door hun families, positief. Ze genieten, ondanks de complicaties, volop van deze mooie zwangerschap. Beiden hebben enorm vertrouwen in het medisch team. Zodra - zonder ingreep - de grens van levensvatbaarheid wordt bereikt, valt er een last van iedereen af. Bij het afscheid komen de emoties los. Het LUMC was voor het Friese stel een ‘tweede thuis’ en de band met het team intensief. ‘Een dubbel gevoel. Blij dat we niet meer naar Leiden hoefden. Maar we zouden de mensen daar erg gaan missen.’ Vanaf dat moment blijft Marijke onder controle in het MCL. Op 16 juli 2011 worden daar, na een zwangerschap van 36 weken, Thys en Jouke via een keizersnede geboren. De jongetjes zijn vijf en zes pond en kerngezond. Een jaar later zijn Thys en Jouke het stralende middelpunt op hun eerste verjaardag. ‘Het gaat prima met ze. Het zijn heel rustige en lieve kereltjes. We beseffen dat het anders had kunnen lopen. Niet alle ouders kunnen na TTS twee gezonde baby’s mee naar huis nemen. Wij hebben veel geluk gehad. Met Thys en Jouke is het elke dag genieten.’ Kijk voor de link naar de online lotgenotengroep van tts op www.heitenmem.nl.

23


Thea van der Schaaf

Boartersguod as learmiddel ‘Ik woe altyd al juf wurde. Ik hie ek noch nea oer wat oars neitocht. Pas op de Pabû ûntdiek ik dat dat it net wie foar my. Dat der in soad yn taal en rekkenjen oanbean wurdt yn it ûnderwiis begryp ik wol, mar is in bern klear mei dy taken, dan wurdt der neffens my te faak nóch in taal- of rekkenopdracht oanbean. Wylst it bern sels miskien folle leaver aktyf of kreatyf oan de slach wol. Boartersguod soe op dat plak as learmiddel ynsetten wurde kinne. It bern leart sa dat it nei de ferplichte fakken de kar hat om it learen fuort te setten op in wize dy’t tichter by himsels leit.’ Dat is yn it koart it idee efter Prins Kikker, de webwinkel yn edukatyf boartersguod dêr’t Margriet Canrinus fan Hallum yn de simmer fan 2011 mei úteinsette. ‘It ûntdekkend learen stimulearje mei boartersguod, sawol geastlik as fysyk, foarmet boppedat kreative minsken dy’t unyk binne yn wat se dogge en dat foarkomt wer dat wy aanst allegear itselde kinne.’ ‘Troch it grutte oanbod fan en de ynnovaasjes yn boartersguod te folgjen

24

haw ik in goed byld fan wat der te krijen is en wat dêrfan as edukatyf elemint oanbean wurde kin.’ Margriet giet mei Prins Kikker beurzen en leveransiers troch it hiele lân ôf, fynt har klanten fan ûnder de rivieren oant yn de kop fan NoardHollân en pakt it dêrmei grut oan. Tagelyk hâldt sy it lyts en persoanlik. Allinne it bêste wurdt by Margriet as ‘edukatyf’ bestimpele en alles dat yn de webwinkel komt, wurdt wiidweidich test. ‘Ik soargje dat ik alle ins en outs fan it materiaal ken, en lit it teste troch de doelgroep sels. Ik wol witte hoe’t bern út de bedoelde leeftydskategoryen mei it guod omgeane en hoe’t se der op reagearje. Allinne sa wit ik wat ik ferkeapje en kin ik in goed ûnderboud advys jaan wannear’t immen freget om in spesifyk produkt foar in bepaald nivo.’ Prins Kikker hat bygelyks boartersguod wêrmei’t it logysk redenearjen stimulearre wurdt, of boartersguod mei in opbou fan frij ienfâldich nei hiel dreech, sadat bern harren eigen nivo kieze kinne en itselde spultsje hyltiten wer in útdaging foarmet. Prins Kikker biedt ek materiaal

oan wêrby’t net ien de winner is, mar dêr’t it der júst om giet om gear te wurkjen, te dielen en oaren wat te gunnen. Fierder falt op dat by it edukative boartersguod fan Prins Kikker in soad oandacht jûn wurdt oan duorsumens en de natuer. Sa is der it spultsje BodyIQ junior, mei in libbensgrutte ôfbylding fan it minsklik lichem, wêrmei’t bern oan ’e hân fan fragen en antwurden boartsjendewei en op in ferantwurde wize leare oer it eigen lichem. Neist de webwinkel biedt Prins Kikker ek advisearjende tsjinsten oan foar basisskoallen, bernedeiferbliuwen en gastâlden. Want ek dêr hawwe bern somtiden behoefte oan ekstra help of just in útdaging yn in bepaald fakgebiet. Margriet: ‘En fansels bliuwt goed ûnderwiis, méi taal en rekkenjen, de basis. Mar as oanfolling en fariaasje dêrop falt der noch safolle te learen fan én mei boartersguod!’ www.prinskikker.nl Twitter: @prins_kikker


BERnEBOEKEn De vrolijke tweeling

illuStrAtieS linDA De HAAn, teKSt Bette WeSterA, GOttmer

€ 10,95

2+

Isa & Elin zijn een vrolijke tweeling. Zoals de meeste tweelingen lijken ze op elkaar en doen ze veel dingen hetzelfde. Maar toch zijn er verschillen! Ontdek de verschillen in de vrolijke kijk- en zoekplaten.

Ut de boekekast fan stefan Foekje Keuning en Bert Weidenaar hawwe tegearre twa soannen, Stefan fan fjouwer en Martijn fan

hast trije. Mei poes Spacks wenje sy yn ’e bosken by

Beetstersweach. Stefan en Martijn fi ne poes Spacks hiel ynteressant. En net foar neat, ’t is in echte rover

€ 6,50

Kai mook

GuiDO VAn GeneCHten, AfÛK

2+

Moannen ha alle bisten fan de bistetún der op wachte. Al dy tiid ha se de búk fan mem oaljefant dikker en dikker wurden sjoen. Mar op in moaie maitiidsdei is it úteinlik safier. It babyoaljefantsje is berne!

dy’t sa no en dan mei fladderjende en piipjende

kadootsjes thúskomt. Foekje hat tegearre mei Stefan De

€ 6,50

Gruffalo lêzen.

Mûs giet op stap yn it donkere bosk en komt in foks, in ûle, in slang en in gruffalo tsjin. Dy ha allegear wol sin oan in

hapke mûs! Mar mûs is slim en rêdt him út de klauwen fan syn hongerige belagers.

Foekje: ‘Doe’t wy it boek krigen, ha wy earst tegearre de

plaatsjes besjoen, dat makke al in soad yndruk op Stefan

tomke syn earste hapkes

4+

WieKe De HAAn, AfÛK

Tomke syn earste hapkes: wat in feest wie dat! Noch even en jim berntsje is ek oan syn earste hapkes ta. Yn dit boekje steane resepten dy't maklik te meitsjen binne. En it moaie is: der steane ek noch opsisferskes yn om ûnder en nei it iten mei jim lytse krobbe te dwaan.

(“Het ziet er spannend uit!”). Yn it bosk is it tsjuster en

achter de beammen sit fan alles ferstoppe. En fuort doe’t

€ 15,95

er de gruffalo seach sei er: “Wat een gek beest.” It beest is in bytsje eng, mei syn skerpe neils en knibbels mei in knobbel, in aaklike snút mei in griene bobbel. Mar

Stefan hie fuortendaliks in swak foar de mûs (“Die is lief mem!”). Dêrnei hat Stefan it boek sels nochris in pear

kear besjoen en doe binne wy úteinsetten mei it ferhaal.

It ferhaal is grappich, de mûs is de held yn it boek, mar ik moast op ’e ein Stefan dochs eefkes útlizze oft it no goed

fjouwer dappere mûskes

Gerrit terpStrA & eppie DAm, AfÛK

4+

Fjouwer dappere mûskes ûndernimme in reis út 'e fjouwer wynstreken wei. Se wolle fierder sjen as it lân dêr't se wei komme. It wurdt foar alle fjouwer in drege en gefaarlike tocht. Mar dan op in dei komt it krúspunt fan paden yn 't sicht.

ôfrûn wie of net. Fansels hinget it fan it bern ôf, mar ik

tink dat dit boek ek hiel geskikt is foar bern dy’t in bytsje

€ 15,95

âlder binne, fan sa’n 4,5 oant 5 jier ôf. Stefan fûn it boek

spannend en nijsgjirrich en blêde faak wer even werom. Somtiden siet hy sa yn it ferhaal dat hy der dochs eefkes

op weromkomme moast (“Die gruffalo is toch niet echt? Mem? Er zit iemand in dat pak hè?”)’

De Gruffalo

JuliA DOnAlDSOn en AXel SCHeffler

€ 12,95

it grutte poepkonkoers GuiDO VAn GeneCHten, AfÛK

4+

Kening Keutel is in bytsje hingjen bleaun yn syn pis-enpoepperioade. Elk jier ropt hy de minister fan Binnenlânske Poepoangelegenheden by him om it Grutte Poepkonkoers te organisearjen. Fan it balkon fan syn kastiel ôf sjocht Kening Keutel dan in rige prachtige kakkeunstwurkjes foarbykommen. Wa syn namme mei de keninklike betsjinner dit jier bybeitelje yn de tinkstien mei alle winners fan it Grutte Poepkonkoers?

25


Mariska Lap is 38 jier en no 36 wiken yn ferwachting fan har twadde berntsje. Se wennet mei har man Wessel en dochter Alysha fan 10 yn Jistrum. Se is learkr锚ft yn it basis没nderwiis.

26


‘It libben is kwetsber’ “Ik bin hiel bliid mei myn swangerskip. Sa bysûnder hoe’t je de poppe bewegen fiele. It is allegear hiel oars as mei myn earste swangerskip. Doe wie ik fansels ek noch in stik jonger en koe ik der op ien as oare wize net sa fan genietsje. Ek kamen wy der doe mei in pretecho efter dat Alysha noch al wat wiken efterrûn mei de groei. Mei de berte wie se dan ek mar 4 pûn en 41,5 sm. Se like earst in moaie, sûne poppe mei alles der op en der oan, mar nei ferskate ûndersiken die bliken dat se in hiele seldsume gromosoomôfwiking hie. Sa’n lyts foutsje fan de natoer hat ús libben in hiele oare draai jûn. Fan in bern as Alysha komme je noait los, dêr hâldst in stikje ekstra fan. Yntusken bin ik alwer trije jier troud mei Wessel. Tegearre woenen wy noch in berntsje ha. Dêr ha wy hiel bewust oer neitocht. Ik bin ek al 38 jier en moat myn hiele libben wer omsmite. Mar it jout my ek in feilich gefoel dat Alysha letter in broerke of suske hat dy’t der foar har is. En boppedat bin no in stik rêstiger en nuchterder as tsien jier lyn en in stik minder eangstich. Mar wol op myn hoede. Myn broer en syn freondin soenen ek in poppe krije, mar mei 23 wiken swangerskip kaam de poppe te ferstjerren. Ferskriklik. Dêr waard ik hiel ûnwis fan. Gelokkich waard ik hiel goed begelaat troch de ferloskundige en mocht ik in pear kear faker komme om nei it hertsje te lústerjen.

Dêrtroch besef ik wer dat it libben hiel kwetsber is. De poppe moat der earst mar ris wêze. Wy ha foar dizze poppe ek gjin nekploaimjitting of oare ûndersiken dien. Sa’n ûndersyk jout gjin garânsje op in sûn libben. Miranda Tamminga fan Ljouwert hat spesjaal foar dizze fotoshoot in bellypaint makke. It is wat symboalysk wurden. It famke op de tûke moat Alysha foarstelle. Se hat gjin idee yn wat foar maatskippij at sy libbet. Se fielt allinne mar de leafde, it respekt en de feilichheid om har hinne. Op har eigen wize genietet se fan it libben. De búktekening stiet ek symboal foar de kwetsberheid fan it libben. In swangerskip en in sûn bern binne net fanselssprekkend. Mar dat begripe je pas, as je it sels meimakke hawwe. De stjerren boppe it famke op de tûke steane foar it nije libben dat yn my groeit: ús grut wûnder.”

Wolst witte hoe’t de befalling gien is en hoe’t it berntsje der út sjocht? Gean nei www.heitenmem.nl foar it ferfolch! Bisto yn ferwachting en wolst ek meidwaan oan dizze rubryk? Mail in foto fan dysels mei in koart ferhaaltsje derby nei ynfo@heitenmem.nl

27


Bernepraatsjes Hat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei ynfo@heitenmem.nl.

Marianne (5) wol nei it middeisskoft net wer nei skoalle. Se skriemt en is boas. Mem freget wat der oan ’e hân is. ‘No, juf sei dat ik myn hantsjes thúshâlde moast en ik wol se net misse!’

Hessel (4) is syn aaike oan it dopjen, mar hy krijt de dop der net sa maklik ôf. Syn konklúzje: ‘Dy hin fan beppe hat stiif bret!’ Eelkje (3) sjocht heit syn boarsthier: ‘Heit hat gers op ’e búk!’

William (4) sit by beppe thús tillevyzje te sjen, wylst beppe efter de naaimasine sit. As hy tuskentroch efkes by beppe sjocht, wol William graach wat fan har witte: ‘Beppe, wat is dat foar kompjûter?’

Remco (2) sjocht it bûten reinen: ‘Och mem, de wolkjes gûle!’

Marijke (3) siket har stiften. Mem sjocht se lizzen en seit tsjin har: ‘Se lizze foar dyn noas, ûnder de tekening!’ Seit Marijke: ‘Mar ik rûk se net!’

Yinthe (3) sil by pake en beppe útfanhûzje! ‘Yinthe bliuwt hjir útfanhûs’, seit beppe. Yinthe protestearret daliks: ‘Nee, ik wol net út beppe har hûs, ik wol by pake en beppe sliepen bliuwe!’

28

Inez (4) sjocht nei de skiepkes yn it lân en de snie en beslút dan: ‘Se wurde net kâld, want se hawwe lekkere waarme wolkjes...’


HEIt En MEM BOEKEn Smelle Spoaren

€ 14,50

pOpKe pOpmA, AfÛK

Klaas Hoogendijk is al jierren by de plysje op it plattelân. As syn maat yn de fut giet en hy in nije kollega kriget, wurdt it foar him in hiele feroaring. Fragmint: ‘De frou wiist nei it wetter. Op in plak dêr't gjin reid groeit, beweecht op de kadâns fan de weagen in lichem foaroer op en del. De holle stjit ek yn kadâns tsjin de betonnen râne.’

De lêste trúk

€ 17,50

ferDinAnD De JOnG, AfÛK

Ut de boekekast fan sieta de Vries Sieta is ûnderwizeres en ortopedagoge, dêrnjonken studearret se Frysk oan de NHL. Op fakânsje yn Ierlân hat sy foar Heit en Mem De Seemearmin lêzen, de earste roman fan Albertina Soepboer. ‘Lêzen hat altyd al in grutte hobby fan my west. Ik lês graach en in soad. Hearlik om moarns of jûns op bêd, op snein, of yn de bus of trein eefkes lekker te lêzen. It allerleafst lês ik in boek yn ’e tún mei moai waar. Ik lês in protte Nederlânsk. Ik wenje no yn Grins en kom dêr, útsein yn de boekwinkel fan Van der Velde, net in grutte kolleksje Fryske boeken tsjin, mar as ik in moai Frysk boek yn hannen krij, lês ik it graach. En no, mei myn dieltiidstúdzje Frysk yn Ljouwert, sille dat allinnich mar mear wurde! Fan Albertina Soepboer hie ik noch net earder heard. Dit is it allerearste boek dat ik fan har lêzen ha.’ Yn De Seemearmin sitte âlde folksferhalen ferwurke, ûnder oaren ‘Rixt fan it Oerd’, ‘de seemearmin’en ‘It Roode Hoofd’. In jonge frou krijt fan har baas de opdracht om in folksferhaal te bestudearjen. It ferhaal bringt har werom nei har bernetiid en har eigen skiednis, dy’t der ynienen hiel oars út komt te sjen. Sieta: ‘It duorre in skoftke foardat ik de haadstikken yn it boek as kralen oan in ketting riuwe koe. It liken earst losse flodders en pas nei ferrin fan tiid waard dúdlik wêrom at de lêzer bepaalde ynformaasje taskood krijt. Mar fan guon saken bliuwt it sels oan ’e ein ta ûnwis wat de skriuwster fan ús as lêzers ferwachtet; hoe’t wy de personaazjes of ynformaasje yn it ferhaal passe litte moatte. De wurdkar yn De Seemearmin is oer it algemien net sa dreech, mar dochs soe ik benammen betûfte lêzers it boek oanriede.’

De Seemearmin

€ 15,00

Evert Jaarsma, resjersjeur, hat de hannen fol oan syn plysjewurk en oan syn maat Henk. Mei syn kollega moat er twa mysterieuze stjergefallen oplosse. En hy giet alle kearen mei Henk op stap as dy wer in optreden hat. Autistyske Henkie mei syn geweldige Tommy Cooper-act. Sa ferjit Evert even syn fertriet om de dea fan syn moaie jonge frou. Mar dan bart der ynienen fan alles…

€ 17,95

Stilzitten als een kikker eline Snel, ten HAVe

Kinderen hebben het vaak te druk, net als volwassenen. Ze kunnen niet slapen, piekeren, zijn snel afgeleid en onrustig. De aan-knop doet het, maar waar zit de pauzeknop? Dit boek met cd is voor zowel ouders als kinderen, boordevol mindfulness-oefeningen en verhaaltjes.

De kleine keizer

€ 18,95

JAn VAn Der mASt, nieuW AmSterDAm

De dwerg Gerrit Keizer wordt vanaf zijn zesde op kermissen tentoongesteld als ‘een zeldzaam natuurwonder’. Op zijn veertiende, 80 centimeter lang, lokt een impresario hem naar Amerika. Zijn moeder weet van niets, maar als Gerrit haar schrijft dat hij in een New Yorks museum wegkwijnt, komt ze hem redden.

Het succes van tweetalig opvoeden

€ 24,50

eliSABetH VAn Der linDen & fOlKert KuiKen, ACCO

Dit boek is bedoeld voor ouders en opvoeders die te maken hebben met tweetalige opvoeding. Tweetaligheid komt steeds vaker voor doordat mensen naar andere landen vertrekken om daar te gaan wonen en werken. Dit boek wil ouders en opvoeders helpen om de vraag te beantwoorden of het al dan niet een goed idee is om hun kinderen tweetalig op te voeden.

AlBertinA SOepBOer

29


$¥%£€$¥%£€$ $¥ % £ € $ ¥ % £ € $ op ’E lytskEs passE Nynke van der Zee

Al jierren pakke Jurjen, Bianca en harren beide mantsjes Mark (7) en Thomas (9) eltse simmer de koffers yn foar in hearlike fakânsje yn de Frânske Alpen. ‘Water, bergen, zon en volop leuke activiteiten voor de jongens’, glimket Bianca as se weromtinkt oan de lêste kear. Mar dit jier jout de TomTom in oare bestimming oan. ‘Dit jier fiere wy simmer yn Fryslân’, fertelt Jurjen. ‘Mear sit der efkes net yn.’

Gjin lange fi les, gjin rûzje yn de auto en noflik dyn eigen taal prate. Jurjen neamt gnyskjend de foardielen op fan harren nije fakânsjebestimming Heech. ‘Boppedat sitte we hjir ek oan it wetter, allinne is de sinne noch efkes ôfwachtsjen.’ Krekt foar de krystdagen krige hy as grafysk ûntwerper te hearren dat er syn wurk kwyt wie. It fakânsjehúske yn Súd-Frankryk, djoere klean of it nijste boartersguod: it is op dit stuit efkes net oan ’e oarder, fertelt

30

Bianca. ‘We moeten rustig aan tot Jur iets nieuws heeft gevonden.’ Grutteminskeproblemen Besunigje, yn dizze tiden fan resesje ûntkomme in soad âlders der net mear oan. De hân moat op ’e knip. Sneu foar bern of júst wichtich om har bewust te meitsjen fan de wearde fan jild? ‘Dat leit oan de soarte besuniging dêr’t âlders mei konfrontearre wurde’, fynt Jorien Hogeterp, pedagooch by Joyfullhome út de Lemmer.

Benijd hoe finansjeel ferantwurde asto de bern grutbringst? Doch de Financiële Opvoedtest op de webside fan it Nibud: vservice.nibud.nl/opvoedtest/

Jorien: ‘Giet it bygelyks om in stapke werom, dan kin dat in hiele goede manier wêze om bern bewust te meitsjen fan it feit datst net altyd alles samar keapje kinst. Mar giet it echt om skulden of earmoed, dan kinne ferskillende ûntwikkelingsgebieten yn de opfieding yn gefaar komme. Tink dêrby oan de sosjale ûntwikkeling, om’t it bern net meidwaan kin oan allerhanne maatskiplike aktiviteiten. Mar ek it selsbyld en it takomstperspektyf fan in bern feroaret dan.’


$¥%£€$¥%£€ ¥%£€$¥%£€$¥ tips foar lytse beurskes € Op syk nei in betelber útstapke? Sjoch op www.gratisdagjeuit.nl € Tickets bestelle foar in prikje? Bied mei op www.ticketveiling.nl € Ferrassend goedkeape útstapkes yn Fryslân? www.uitmetkorting. nl/nederland/provincie-friesland € Gesellich thús bliuwe? www.knutselidee.nl € Slim besparje? www.nibud.nl/ uitgaven/budgettips.html

Jild spilet in wichtige rol yn de opfieding, wit Jorien. ‘Foaral as de finansjele situaasje soarget foar druk en stress by âlders. Dan krijst as heit en mem in wat koarter lontsje, wêrtroch’t de stress hiel heech oprinne kin. Dat kin syn wjerslach ha op de opfieding. Dêrom is it wichtich om oer jildsaken te praten mei de bern. Mar,’ seit se mei klam, ‘foarkom datst se mei dyn grutteminskeproblemen opskipest.’ De jildpuzzel Moatst dyn finansjele situaasje no wol of net beprate mei de bern? Dy fraach wurdt troch in hiele protte âlders steld, wit Gabriëlla Bettonville fan it NIBUD, it Nasjonaal Ynstitút foar Budzjetfoarljochting. ‘Ons antwoord is eigenlijk altijd ja. Al vanaf een jaar of zes kun je kinderen de waarde van geld meegeven. Hoe ouder kinderen worden, hoe meer je ze mag betrekken bij het feit dat het leven geld kost. Juist wanneer het financieel iets moeilijker gaat, moet je dit bespreekbaar maken. Leg uit dat je als ouders keuzes moet maken en betrek

Renske Ytsma Us bern krije jild mei op braderyen en dan lizze wy goed út dat as it jild op is, it dan ek echt op is. Lysbert de Schiffart Us âldste docht wol ris putsjes sa as de ôfwaskmasine leegje, gers meane en sawathinne. Dêr kinne se 50 sint mei fertsjinje. Sa leare se dat se net alles samar krije…

kinderen bij het maken van deze keuzes. Vaak horen wij van ouders dat kinderen heel graag meedenken over deze vragen.’

Leg uit dat je als ouders keuzes moet maken en betrek je kinderen hierbij. Prate oer jild kin boartsjenderwize, leit Jorien út. ‘Doch bygelyks in spultsje mei in pot fol munten en briefkes. Sa sjogge bern wêr’t eltse moanne jild hinne giet. De hier, gas, elektra, boadskippen. Wat oerbliuwt kin brûkt wurde foar leuke dingen.’ Gabriëlla is it dêr folslein mei iens. ‘Laat zien hoe jullie soms moeten puzzelen om alles rond te krijgen. Daar leert een kind alleen maar van. Uit onderzoek blijkt dat kinderen die al vroeg hebben geleerd met verleidingen om te gaan en keuzes te maken, later beter in staat zijn hun eigen huishoudboekje op te stellen.’

Corry van der Meer Us bern krije alle moannen bûsjild. Dêr meie sy wat foar keapje of sy meie sparje. It measte wurdt sparre foar grutte útjeften. De âldste kocht der in kickbike foar en is dêrby wat sponsore troch pake en beppe. De jongste sparret no foar in nije fyts of in hûs, dêr is hy noch net út.

neat te kleien Minder jild hoecht absolút net minder wille te betsjutten, fersekeret Jorien. ‘It moaie oan bern is dat se mei in bytsje tefreden binne. Yn plak fan in fakânsje nei Súd-Frankryk is in dei nei de bernebuorkerij, in pretpark of it swimbad ek prima. Ast mar soargest foar genôch ôfwikseling, dan silst de bern net kleien hearre.’

Lytse útstapkes fine bern like moai as in fiere fakânsje. By Jurjen en Bianca steane de tassen fan de jonges al klear op ’e oerloop. De beide mantsjes kinne hast net wachtsje oant de fakânsje begjint. Foaral Thomas hat der sin oan, want pake en beppe komme ek in dei lâns op ’e camping. ‘Sjoch, dat is dan wer it foardiel fan in simmer yn Fryslân’, laket heit Jurjen.

31


Desimberstress Karen Bies

´Desimberstress? Wat is dat?’ freget ús Hans as hy oer myn skouder it wurd stean sjocht. Ik lis him út dat dat giet oer de drokte dy’t heiten en memmen hawwe fan Sinteklaas, it krystfeest, âld en nij, en yn ús gefal ek noch syn jierdei op 3 desimber. Hy wurdt dan 10. ‘Ik snap het!’ ropt er. ‘Ik moet nodig een verlanglijstje maken!’ It is augustus. Pakjesjûn mei de hiele famylje dogge we net mear. Surprises hat oma gjin nocht oan, sûnt de brunekoekedridze fan twa jier lyn – neefke hie in nep-drol makke - net mear út har flierkleed woe. In fatsoenlik Sinteklaasgedicht meitsje is der net mear by, of it is jatten fan ynternet. Boppedat fiere de bern sa faak Sinteklaas – op skoalle, de fuotbalklup, op it wurk fan heit en mem – dat se al glêd bedoarn binne foardat it überhaupt pakjesjûn is. Gapjend freegje se oan de safolste helpsinteklaas oft de bon der ek by sit, sadat se it kado ruilje kinne. Gjin Sinteklaas dus, we komme gesellich byinoar op earste krystdei en nimme allegear wat mei foar it krystdiner. Dat

Afke Dykstra

waard ferline jier noch in hiel o-heden. De glühwein stie al op it fjoer fanôf trije oere middeis. It foargesetsje wie wat mei poddestuollen-yn-blêddaai út ’e oven, mar dat duorre sa lang dat wy it op it lêst mar healgear opieten. Skoansus soe hiel spesjaal pompoensop meitsje, mar siet noch midden yn in klaverjasboomke en skonk harsels noch mar ris yn. It haadgerjocht baarnde oan omdat de âld oven doe wól op temperatuer wie, mar wy dat pas murken doe’t der in blauwe wolk oer ús kaartspul kaam. Gelokkich koene wy ús sêd ite oan de bak stracciatella-iis út ’e friezer. ‘Vrede op aarde jongens!’ rôp de âldste soan en dronk syn fjirde whisky. Ik naam noch mar in glühwein want dat moast fansels al op. De jûn einige mei reade hollen en pinebúk. En pineholle op twadde krystdei. Hoesa desimberstress? Ik tink oan myn eigen âlde beppe, dy’t fanôf july al siet te breidzjen om de truien foar de tsien beppesizzers klear te hawwen foar Sinteklaas. Beppe pakte graach út en makke der in grut feest fan. De berch kado’s

‘Ik sjoch altyd út nei de desimbermoanne, mar bin ek altyd bliid dat er wer foarby is.’

32

wie heech, de dobbelstien bepaalde wa’t in pakje pakke mocht. Oeral siet in gedicht by of wie in surprise by makke. It heerlijk avondje wie om twa oere nachts nóch net dien. Beppe hie de grutste wille. Pake hie lykwols gjin rêst. Wie Sinteklaas foarby mei alle drokte, dan kamen de krystdagen. Syn jierdei foel ek noch op 25 desimber. Der wie in krystbeam mei echte kearskes, dat moast en soe. Mar pake wie deabenaud foar brân en siet twa dagen yn de hoeke fan de keamer, flak neist de beam, mei in amer wetter en in spûns. Dát is pas desimberstress.


Martha van der Spoel

‘De desimbermoanne fyn ik in hiel gesellige moanne. De houtkachel brânt, kearskes op ’e tafel en de krystbeam yn ’e hús. In moanne mei in moaie gedachte. Yn desimber makkest tiid foar elkoar. Sinteklaas fiere wy mei de hiele famylje mei spultsjes en lytse kadootsjes. Gjin djoere jûntsjes, mar wol in protte gesellichheid.’

DESIMBER…. In feestlike moanne mei STRASS en STRESS

Ypie Huisma Daniëlle Raab

‘Winterstress? Geen sprake van. Hoe meer feest hoe liever. Het is druk rond deze tijd, maar ik geniet er met volle teugen van. Liefst vier ik alle feesten driedubbel met vrienden en familie! (Zachtjes) zing ik de hele periode sinterklaas- en kerstliedjes!’

‘Desimber fyn ik wol in drokke tiid mei de bern. No kaam ús jongste soan der sels achter dat it dochs wat oars sit mei Sinteklaas, dat no kinne wy dit jier lotsjes lûke. Dat skeelt alwer. Mei de kryst gourmette wy altyd. De bern meitsje it klear en ha dêr dan ek al de ‘voorpret’ fan.’

33


Lezen en voorlezen prikkelt de fantasie, ontwikkelt taalgevoel en bezorgt kinderen veel plezier.

Kraamzorg Friesland

Kraamzorg van De Kraamvogel

Vertrouwd in Friesland

(voor)lezen is leuk! Nieuwsgierig wat wij voor de kleintjes (gratis) te bieden hebben? Loop binnen bij de bibliotheek of kijk op ontdekdebieb.nl

Kindje op komst? Kraamzorg nodig? Kies dan voor De Kraamvogel! Wij zijn een betrouwbare en deskundige kraamzorgorganisatie waarbij je kunt rekenen op persoonlijke aandacht en professionele zorg. Meld je nu aan voor een onvergetelijke kraamtijd!

T 088 77 88 500 www.dekraamvogel.nl


Linda

Tjalling de Vries (1959) is sinds 1991 algemeen kinderarts in het Medisch Centrum Leeuwarden. Hij is getrouwd en vader van drie kinderen: Fedde (1991), Marga (1995) en Anne (1998).

Het meisje tegenover me heeft meerdere grote en kleine blauwe plekken op haar gezicht en armen. Sommige blauwe plekken zijn zo groot als een ei. Door mijn hoofd schieten een aantal mogelijke oorzaken: leukemie, een probleem met de stolling of kindermishandeling. Linda, zo heet dit zevenjarige meisje, zit bij vader op schoot. Hij wijst een grote blauwe plek aan: ‘Gisteravond liep ze tegen een deur. Ze merkte nauwelijks iets maar na een paar uur zat deze blauwe plek er.’ Linda is niet ziek en heeft geen koorts. Moeder vertelt: ‘Vorige week zagen we deze blauwe plekken voor het eerst en er komen steeds meer bij. Vanochtend gingen we naar de huisarts en die stuurde ons direct door.’ Ik vraag naar de verdere gezondheid van Linda. Ze was twee weken geleden fors verkouden maar eigenlijk is ze nooit ziek. Als ik Linda onderzoek voel ik dat haar milt, lever en lymfklieren niet vergroot zijn. Behalve de blauwe plekken, die verschillend van vorm en grootte zijn, is alles normaal. Ik zie geen blauwe plekken die wijzen op kindermishandeling en de manier waarop de ouders met Linda omgaan past daar ook helemaal niet bij. Het past allemaal het best bij een tekort aan bloedplaatjes, maar ik wil zeker weten dat het geen leukemie is. Als ik die gedachte met de ouders bespreek, schrikken ze behoorlijk. Er wordt bloed afgenomen en onderzocht; zoals in alle ziekenhuizen zijn de mensen van het laboratorium erg betrokken en doen ze hun best om zo snel mogelijk de uitslag te geven. Die komt dan ook binnen een half uur: geen aanwijzingen voor leukemie, maar wel een tekort aan bloedplaatjes. Ik denk dat Linda ‘ITP’ heeft. Dat is een aandoening waarbij op onverklaarbare wijze alle bloedplaatjes weggevangen worden. Vaak gebeurt dit na een infectieziekte. Een bewezen effectieve behandeling is er niet voor, maar gelukkig herstelt de ziekte meestal binnen een paar maanden vanzelf. We noemen die ziekte ITP en dat is de afkorting van ‘idiopathische trombocytopenische purpura’, letterlijk vertaald: ‘paarse vlekken als gevolg van een bloedplaatjestekort waarvan we niet weten hoe het ontstaat’. Ik neem de tijd om dit allemaal uit te leggen en we spreken af dat Linda regelmatig langskomt om te kijken hoe het gaat. Bij problemen kan ze meteen contact met ons opnemen en als ze bloedt moet ze een drankje nemen. Daar maak ik een recept voor. Verder moet ze voorzichtig zijn: niet op schommels, niet klimmen, geen ruwe spelletjes. In de weken daarna blijven de bloeduitstortingen komen en na acht weken melden de ouders dat ze geen nieuwe plekken meer zien. Het bloedonderzoek laat zien dat het aantal bloedplaatjes weer normaal is. De ziekte is over en ik feliciteer Linda en haar ouders daarmee. ‘Mag ik nu weer naar de speeltuin, mamma?’ vraagt Linda. Ja, dat mag gelukkig weer.

35


Marieke Vinckers Oersetting: Nynke van der Zee

36


De hiele middei boartsje mei sûkelade, hokker bern dreamt dêr net fan? Sûkelade rane litte, yn lytse foarmkes jitte of der mei skriuwe. Dat wurdt garandearre in bernefeestje om nea te ferjitten! Seker ek foar heit en mem, want dat de lytse sûkeladekeunstners dêrnei brún út ’e keuken komme, mei dúdlik wêze. It bêste advys? Hâld it feestje by immen dy’t fan sûkelade har wurk makke hat, by: “PUUR. IJs & Chocolade” op ’t Hearrenfean.

37


Sels docht Ria van der Galiën fan PUUR. IJs & Chocolade net wat har mem eartiids wol die: in heale Mars yn it bôlebakje fan de bern, as ferrassing foar op skoalle. Soest dochs tinke dat har beide bern, Roos (6) en Justus (9), yn in mearkewrâld wenje. Sjakie en it Sûkeladefabryk, mar dan yn it echt. Silst mar in heit en mem ha dy’t alle dagen iis en sûkelade meitsje, wat in paradys! Miskien is dat júst wol de reden dat Ria wat foarsichtiger is mei wat se har bern foarset. ‘De jongste is eigenlijk niet eens zo weg van chocolade, maar als ik een schaaltje bonbons op tafel zou zetten waar Justus bij is, dan is dat schaaltje zo leeg!’ En wis dat it Ria is dy’t dan as earste fan it brune guod slynt. Dat is in wier sûkeladedier. Fan jongs ôf oan die sy neat leaver as snobje fan sûkelade. Har syktocht nei it ideale guod om yn har

38

eigen saak te ferkeapjen, wie dan ek in lange. Wat yn de measte winkels leit, komt neffens har net iens yn ’e buert fan sûkelade: ‘Veel toegevoegde suikers doen de smaak van die echte, pure cacao volledig verdwijnen. Zonde. En ongezond.’ Net foar neat ferkeapet Ria sels in suver en biologysk produkt. In produkt dêr’tst prachtich mei boartsje kinst. ‘Niets mooiers dan chocolade. Je kunt het smelten, je kunt het in vormen gieten, je kunt ermee schrijven. Verzin het maar, niets is te gek!’ Proeflokaal Yn de eardere technyske skoalle oan de Boargemaster Falkenawei op it Hearrenfean hat PUUR. IJs & Chocolade in proeflokaal. Dêr wurde op bernefeestjes de moaiste clowns, poppen of swarte piten makke. It is foar heiten en memmen in kadootsje om de gesichtsjes fan de

bern te sjen, wannear’t Ria de raande sûkelade oer de metalen tafel útsmart. Grutte eagen. Je lêze it ferlangen dêryn ôf. It leafst soenen se it sa fan ’e tafel slikje wolle. Oan ’e sydkant fan it lokaal steane sûkeladefonteintsjes: dêr wurdt bittere sûkelade, molkesûkelade en wite sûkelade yn waarme pannen raand. Jawol, dit it paradys. En it feestje is kompleet wannear’t Ria ropt: ‘Als je zin hebt om je vingers af te likken, doe dat vooral. Je krijgt je chocolade straks mee naar huis, het is helemaal van jezelf, maak er wat moois van!’ Skriuwe mei sûkelade Neidat it glimmende plak sûkelade útsmard is oer de metalen tafel, krije de bern in pinne mei floeibere sûkelade, dêrmei meie se harren namme skriuwe. It duorret net lang foar’t de earste it oandoart om te dwaan wat thús net


mei. Hy slikket syn hiele earm ôf, dy’t ûndertusken ûnder it brune spul sit. Ek de skelkjes dy’t de bern foarhawwe, krije al gau de bekende brune kleur. It is in gegriem fan jewelste, mar och wat ha se it nei ’t sin.

Je kunt het smelten, je kunt ermee schrijven en je kunt het in vormen gieten, niets is mooier dan chocolade! Brune swarte pyt Hjoed wurdt der in swarte pyt fan sûkelade makke. It leafst soenen de measte bern harsels ûnderdompelje om

as swarte pyt nei hûs te gean, mar Ria hat se al gau yn ’e ban fan it sûkeladepopke dat se oan ’e ein fan ’e dei mei nei hûs krije sille. In lyts ballontsje wurdt yn ’e sûkelade stippe, dat is it lyfke fan de pyt. Dêrnei moat it hiel efkes yn ’e kuolkast om te stjurjen. Sûkelade bewarje yn ’e kuolling is lykwols funest, warskôget Ria. ‘Het beste is om ‘t op kamertemperatuur te bewaren. De pure smaak loopt namelijk terug als je het koelt. Bovendien neemt chocolade snel andere smaken in zich op.’ Koart yn ’e kuolling dus.

Novimber swartepitemoanne! Neist bernefeestjes op woansdei- en freedtemiddei, binne bern yn de moanne novimber ek op sneon fan herten wolkom om har eigen swarte pyt te meitsjen. It ynskriuwen dêrfoar kin op de webside: www.proefpuur.nl.

de sûkeladepinne om it mantsje mei te beskilderjen. De bern slikje harren fingers derby ôf. Grutsk hâlde se, as se nei in oere klear binne, harren pytsjes omheech. En dan komt de grutte fraach: opite of bewarje? Want it is fansels skande om sa’n sûkeladekeunstwurk op te snobjen. Of dochs net?

As it lyfke hurd wurden is, hellet Ria it ballontsje der hiel fernimstich út. En dan kin it feestje pas echt begjinne: it popke mei fersierd wurde. Dêrfoar hellet Ria letterlik alles út ’e kast. In lympinne, om de baret fan sûkelade op ’e holle fan de pyt te plakken. Marsepyn foar de moaie reade lippen en grutte giele earringen. En

39


Nynke van der Zee

De knoop deryn Sterilisaasje, it is net echt in ûnderwerp dêr’t wy it by de kofje oer ha. Dochs litte alle jierren hûnderten manlju en froulju harren sterilisearje. It gesin is kompleet, dyn lichem fertelt dy dat it better is om gjin bern mear te krijen of jim ha nei al dy jierren skjin jim nocht fan de pil as it spiraaltsje. Mar dan komt de grutte fraach: wa lit him helpe? Giet sy ûnder it mes of leit hy der in knoop yn?

‘Sterilisaasje, allinnich al by it wurd kriget myn man pikefel’, gnysket Filipina (34). ‘Hy soe him grif minder man fiele, wannear’t de lieding dêrûnder trochsnien waard.’ Dêr is gjin sprake fan, fersekeret dokter Menuhin Lampe, urolooch by it MCL yn Ljouwert. ‘Bij deze ingreep worden de zaadleiders onder plaatselijke verdoving dichtgebonden of dichtgeschroeid, zodat de zaadcellen het zaadvocht niet meer bereiken. Je kunt dus nog gewoon een erectie en zaadlozing krijgen. Het verandert niets aan je potentie als man.’ Fluitsje fan in sint Op de polyklinyk Urology fan it MCL komme alle jierren sa’n 300 oant 350

40

manlju lâns foar in fasektomy, sa’t dy yngreep offisjeel hjit. ‘Het is de meest uitgevoerde ingreep bij ons op de poli’, fertelt dokter Lampe. ‘Binnen een kwartier is het gepiept, daarna heb je er hoogstens nog een paar dagen last van.’ Nei trije moannen wurdt it sied kontrolearre op siedsellen. ‘Zien we dan geen zaadcellen meer, dan is de man in principe steriel.’ Ek by froulju is sterilisaasje in fluitsje fan in sint, wit dokter Doaitse Wilbers, gynekolooch by it MCL. ‘Alle jierren litte ûngefear 100 froulju harren dêrfoar behannelje yn Ljouwert. Sy kinne bygelyks kieze foar in kykoperaasje ûnder folsleine narkoaze, wêrby’t wy in

Filshie-kniperke op de aailieder pleatse, sadat de aailieder ticht is. In oare kar is de Essure-metoade, wêrby’t wy in soarte fan fearke yn de yngong fan de aailieder pleatse. Dêrtroch groeie de aailieders yn sawat trije moanne hielendal ticht. It pluspunt fan dy lêste metoade is dat it in hiele lytse yngreep is, dy’tst sûnder narkoaze ûndergiest.’ Misferstannen It beslút ta sterilisaasje begjint by de húsarts, dy’t ynformaasje jout en trochferwiist nei it sikehûs. Nettsjinsteande de goede tarieding besteane der ek by froulju noch altyd misferstannen oer sterilisaasje, wit dokter Wilbers út ’e praktyk. ‘Der binne


Anke (41) : ‘Doe’t ik swanger wie fan ús twadde jonkje krige ik ôfgryslik lêst fan de rêch. Nei de berte fan Marten hat it rom in jier duorre foardat ik wer oan it wurk koe. Ut gesprekken mei de húsdokter en ek de bedriuwsarts die bliken dat in tredde swangerskip in te grut gefaar meibrocht foar myn sûnens. Foar ús wie de kar dan ek gau makke: ik ha my sterilisearje litten. Mochten wy oait útinoar gean, dan kin myn man noch bern krije mei in oare frou.’

Marianne (41): ‘Na de geboorte van ons tweede zoontje heb ik lang de kriebel gehad om nog een derde kindje te krijgen. Maar twee jaar geleden hebben we de knoop definitief doorgehakt. Ik heb gekozen voor de Essure-methode en ben een ochtend in het ziekenhuis geweest. ’s Middags was ik al weer thuis. Op wat menstruatiepijn na heb ik er geen last van gehad. Het viel me ontzettend mee.’

De sifers Alle jierren litte ûngefear 100 froulju harren sterilisearje by it MCL yn Ljouwert. Yn 2011 wienen dat 31 kykoperaasjes mei Filshie-klipkes op ’e aailieders en 75 Essure-sterilisaasjes. Fierder sjogge de gynekologen fan it MCL sa’n 650 oant 700 froulju foar alle foarmen fan antykonsepsje. Behalve foar sterilisaasjes komme dy froulju foaral foar it pleatsen fan in Mirena-spiraaltsje en soms de Implanon. It tal sterilisaasjes fan manlju leit in stik heger. Alle jierren sjogge de urologen op de polyklinyk Urology fan it MCL sa’n 300 oant 350 manlju. Dêrmei is sterilisaasje de meast útfierde operaasje fan dy ôfdieling.

froulju dy’t tinke dat se bygelyks nei de operaasje net mear ûngesteld wurde of dat se yn de oergong komme. Mar dat is net it gefal. Do wurdst net mear swanger, om’t wy de ferbining tusken de aailieder en de liifmoer tichtmeitsje. Dat hat gjin gefolgen foar dyn ûngesteldheid of de oergong.’ De knoop der wer út Hûnderten sterilisaasjes ha beide dokters al útfierd. Dochs kinne se gjin absolute garânsje jaan dat by dy minsken yn de takomst gjin bern mear komme sille, warskôget dokter Wilbers. ‘Yn 5 op de 1000 gefallen wurdt de frou dochs noch swanger. Dat kin komme troch in medyske flater of moeder natuur

blykt it ús ôfwûn te hawwen.’ Ek dokter Lampe komt útsûnderlike gefallen tsjin. ‘Het komt voor dat de zaadleider zich spontaan herstelt en de man tijdelijk weer vruchtbaar is. Dat gebeurt maar heel zelden, maar de kans is aanwezig.’ Mar wat as je sels spyt hawwe, kin sterilisaasje dan noch weromdraaid wurde? Dokter Wilbers is dúdlik: ‘De Essure-metoade is definityf. De Filshiekniperkes kinne wy ferwiderje, mar dy hersteloperaasje dogge wy hast noait. Boppedat wurdt it net fersekere en moatst it dus sels betelje.’ Dokter Lampe is wat optimistysker. ‘Een hersteloperatie bij mannen is mogelijk, maar de kans dat je helemaal herstelt, is afhankelijk van

vele factoren. Je gezondheid, de kwaliteit van het zaad, het welslagen van de operatie. Ook hier geen garanties.’ De konklúzje is dúdlik: earst sels de knoop trochhakje, foardat dokter der ien yn leit.

41


bErn & rEin

Der binne ‘spetterjende’ foto’s ynstjoerd! Alle foto’s ha in plakje fertsjinne yn dizze ‘Heit & Mem’. De folgjende fotowedstriid is Bern & Winter. Upload gau dyn foto op www.heitenmem.nl!

1

4 3

2

7

6 5 8 Foto 1 Foto 2 Foto 3 Foto 4

42

Tieme Bijker Kors Visser Henrik Rinse Rijs Marijke Nauta

Foto 5 Foto 6 Foto 7 Foto 8

Gido Muizelaar Tine Wagenaar Timo, Xander en Jesper Eijden Amarins Praas


Bouten en moeren Piter fan twa is in echte jonge. Rauze, bûtse, fleane, blier en altyd yn it spier. Kalm oan is der by him net by. Ek al kin hy dat noch net sizze, mar alles wat syn heit docht, moat hy ek kinne. Sadwaande is hy faak mei my oan ’e gong yn it hok. ‘Heit helpe?’ seit er dan mei freegjende eagen, der al helendal klear foar yn syn reade overal mei opstrûpte mouwen en boksen, en mei syn blauwe bouhelm op ’e holle. Yn ’e wittenskip dat je op dat soart mominten fêst saken belibje sille dy’t je noch nea belibbe hawwe as heit, fyn ik it miskien noch moaier as myn soan. Sadwaande binne der ek altyd wol putsjes dy’t spesjaal lizzen bliuwe foar Piter. It seachsel yn ’e amer skeppe. De bak mei spikers op ’e kop en der wer yn dwaan. En prachtige tekeningen mei it timmermanspotlead op in plaat hout meitsje. Alles gebeurt mei folle oertsjûging. En ek al binne der gjin putsjes, dan is hy mânsk genôch om yn in ûnbewaakt momint sels wat út te finen. Op dat stuit gebeure de moaiste saken yn it hok. De moeren fan ’e fyts wurde oandraaid mei de bahco, mei in stikkene jasbeskermer as gefolch. In potsje mei in kwast en terpentine deryn falt stikken en it kninehok wurdt fakkundich fan in nije laach ferve foarsjoen. De benzinedop fan de meanmasine is poater en fynt heit werom yn in leech krat bier by de supermerk. In buske mei WD-40 waard sa ris leechspuite op it fytske fan syn sus. En in leech doaske rezyntsjes ferdwûn yn ’e kassette-iepening fan heit syn bouradio. At we dan letter wer yn ’e hús sitte mei reade hannen, wangen en in foldien gefoel, krûpe we elkoar oan ûnder de brûs. En at de lytse man al wer dreamt oer de lytse dingen yn it libben, rattelet de waskmasine fan de boutsjes en moerkes dy’t noch yn ’e bûse fan syn overaltsje sieten.

Hindrik Kingma (30) grutske heit fan Lisa (4) en Piter (3). Hindrik is full-time fertsjintwurdiger fan berop. Tefreden mei syn twa bern wennet hy yn Weidum. As it waar it mar in bytsje talit, is hy graach bûten mei de bern.

43 43


Aukje Mulder

Anorexia op de basisschool De juiste make-up, een merk-spijkerbroek, een strak truitje, laarsjes met hakken. Als echte modellen paraderen meisjes van groep 7 en 8 soms over het schoolplein. Hoe jong ook, ze willen voldoen aan de norm. Slank zijn is het ideaal. Met het risico dat ze doorslaan en obsessief met hun gewicht bezig gaan. Anorexia op de basisschool – het bestaat!

44


Psychologe Carolijn de Beij uit De Wilgen is gespecialiseerd in eetstoornissen. Sommige van haar cliënten met anorexia vertellen dat ze al op basisschoolleeftijd ontevreden raakten over hun lijf en obsessief bezig gingen met lijnen. ‘Anorexia is dus beslist niet een ziekte die uitsluitend bij pubermeisjes voorkomt. De leeftijd schuift naar beneden. Steeds vaker blijken elf- en twaalfjarigen al eetproblemen te hebben.’

Je krijgt een dikke kont. Vele medische boeken zijn volgeschreven over waarom de een wel en de ander niet een eetstoornis ontwikkelt. Bekend is inmiddels dat er een aanleg, een vatbaarheid voor nodig is. ‘Dat heet “predispositie”. Bij pubermeisjes is het nog enigszins te begrijpen dat er anorexia wordt uitgelokt. Ze komen op een leeftijd waarop borsten en heupen gaan groeien en voor sommigen met deze predispositie is dat eng. Een opmerking van iemand uit de omgeving als ‘je krijgt een dikke kont’ kan voldoende zijn om minder te gaan eten. Maar waarom jonge basisschoolmeisjes zo gefixeerd raken op hun gewicht? Ik snap het echt niet. Het moet kopieergedrag zijn: ze hebben bijvoorbeeld een moeder die voortdurend aan het lijnen is.’

Schoolarts kan signalen herkennen. Extreem Hoewel zij geen kindertherapeut is, heeft zij enige tijd geleden op speciaal verzoek een meisje van negen jaar behandeld. ‘Negen jaar en al een stevige anorexia. Inderdaad, dat is extreem. Maar niet uitzonderlijk. Het komt meer voor. Alleen valt het niet zo snel op omdat het vaak de dunne sprietjes uit de klas betreft, die gaan lijnen. Bij pubermeisjes die al rondingen hebben, is gewichtsverlies eerder zichtbaar. Bovendien stopt hun menstruatie als gevolg van het uithongeren. Basisschool-meisjes

menstrueren vaak nog niet of nog heel onregelmatig.’ Hoe je het dan kunt zien dat je dochter in de gevarenzone zit? ‘Meisjes die obsessief met hun gewicht bezig zijn, krijgen last van bewegingsdrang. Ze gaan bijvoorbeeld ineens fanatiek hardlopen of oefeningen doen op hun kamer. Ze kunnen alleen wijde joggingbroeken verdragen omdat strakke spijkerbroeken hen het idee geven dik te zijn. Of ze gaan zich bemoeien met het koken en willen alleen nog maar vetarme producten op tafel. Ze snoepen niet meer en willen hoogstens een appel als tussendoortje. Drinken veel water, kauwen de hele dag op kauwgom en gooien hun lunch weg.’ Groeicurve Toch blijven de symptomen soms in een schemergebied hangen. De schoolarts kan de alarmsignalen echter onderkennen. Door anorexia stopt de lengtegroei waardoor de groeicurve een knik vertoont. ‘Dat is duidelijk zichtbaar. En dus hét moment om zo snel mogelijk in te grijpen. Want die verloren jaren van groei haalt een meisje niet meer in. Ook niet als de anorexia wordt behandeld en de groei weer op gang komt. Die verloren jaren zijn verloren. Deze meisjes blijven altijd kleiner.’ ‘We leven in een tijd waarin één op de acht kinderen te zwaar is. Het is dus belangrijk dat ouders, leerkrachten en schoolartsen focussen op het tegengaan van overgewicht. Tegelijk is het lastig, want de medaille heeft twee kanten. Ik zou opvoeders soms willen meegeven: waarschuw met mate. Want bij sommige kinderen slaat het door. Ouders die “verstandig” willen eten met vooral light-producten, kunnen een kind dat die gevoelige aanleg heeft, in gevaar brengen.’ Zelfvertrouwen ‘In alle gevallen geldt: een kind dat te zwaar is, is vrijwel nooit gebaat bij een dieet. Wel bij gezond eten, minder snoepen – en daardoor op hetzelfde gewicht blijven. Als het normaal in de lengte groeit, zal het kind vanzelf slanker

worden. Geef een kind zelfvertrouwen: je bent goed zoals je bent. En laat je waardering voor je kind niet afhangen van uiterlijk en prestaties.’

Balanceren op een slap koordje. Zij geeft toe: het is balanceren op een slap koordje. Het ene kind heeft nou eenmaal meer pressie nodig om gezond te eten dan het andere. ‘Probeer toch om er niet te veel bovenop te zitten. Om te voorkomen dat een kind over de rand schiet. Want anorexia is echt een ernstige ziekte. Anders dan bij de andere uitingen van identiteitsvorming – zoals veel make-up gebruiken of extreme kleding dragen – gaat de opvatting “het komt vanzelf wel goed” niet op bij anorexia. Wie ooit anorexia heeft gehad, zal nooit meer volledig onbevangen kunnen eten.’ Carolijn de Beij schreef het boekje “Lijnen is stom” voor 11- en 12-jarigen en hun ouders. Het is te bestellen bij www.boekscout.nl

45


Dieuwke van der Meer is redakteur fan Heit en Mem en webredakteur fan www.heitenmem.nl. Se is troud en krekt mem fan dochter Maaike. (6 moanne)

Dieuwke van der Meer

De natoer

Reagearje op dizze kollum en/of foto’s sjen fan baby Maaike? Sjoch op Heitenmem.nl!

Reagearje op dizze kollum en/of foto’s sjen fan baby Maaike? Sjoch op Heitenmem.nl!

Dêr leit se dan yn har readrute jurkje allermachtichst skattige gelûdsjes te meitsjen en har hantsjes ûnder te fliberjen. Der kipet in sinnestriel troch it rút, krekt op har wankje. Us moaie dochter, Maaike Rigt. En wat is se leuk… It wie op 14 maaie, dat se op de wrâld kaam. Yn de prachtige tiid dat ik swanger wie, hie ik in befalplan opsteld. In moaie en rêstige thúsbefalling hie ik foar eagen. Lekker de weeën opfange yn in waarm bad mei lavindeloalje, of ûnder de dûs. En manleaf dy’t myn rêch massearret wylst der rêstjaande muzyk út de boksen wei klinkt en it kearsljocht baarnt om in fredige sfear te kreëarjen. Nee, ik seach der net tsjinop. Ik fertroude hielendal op de natoer. At ik dat befalplan no weromlês, moat ik lûdop laitsje. Hoe koe ik sa nayf wêze? Ien op de trije froulju fynt de befalling in traumatysk barren, sa lies ik fan ’e wike op ynternet. Ik moat earlik tajaan

dat dat foar my ek sa wie. Sa’n moaie foarstelling fan in befalling is leuk, mar de praktyk is faak dochs even oars. Doe’t se my mei 42 wiken en trije dagen oan de weeëopwekkers setten hienen, frege ik my serieus ôf hoe’t it dochs mooglik wie dat de minskheid noch bestie. Wêrom woenen froulju überhaupt noch bern krije? Wêrom hie net ien my dêrfoar warskôge? Dy helske pinen woe ik noait wer fiele! Yn myn befalplan stie ek dat ik gjin rêchprik woe. No, at de anestesist net gau kommen wie, hie ik dy sels wol set. Dat de natoer dat hiele befallen net efkes oars betinke kinnen hie. Uteinlik is ús famke berne mei in keizersneed. Sa’n foar my heftige befalling hat my fuortendaliks mei beide fuotten op de grûn set. Wisten jim dat oer de hiele wrâld alle jierren mear as in heal miljoen froulju stjerre yn de perioade fan harren swangerskip of by de befalling? Dat is ien op de 27 froulju en ien stjergefal yn de minút. En dan hawwe wy it noch net oer de lytse poppen sels... Dat die my beseffen watfoar gelok at Maaike en ik hawwe dat wy yn sa’n moai lân as Nederlân libje. Hoewol’t in protte froulju it befallen as traumatysk erfare, beslute dochs in soad stellen it der nochris op te weagjen. ‘Je ferjitte de pine wer, want sa wurket de natoer’, sizze myn freondinnen. Apart fyn ik dat. Dy rare natoer, dy hâldt je moai foar it lapke. Se lit dy de pine ferjitte en as je dan wer yn in weeëstoarm sitte, it hiele sikehûs byelkoar flokke en de hannen fan de partner fynknipe, kin dy hiele natoer je grif even stellen wurde. Mar at dan sa’n moai leaf famke mei har moaie glinsterjende eachjes nei dy laket, dy oerweldiget mei in geweldich gefoel fan binnen en dyn hert rane lit, makket dat alles, mar dan ek echt alles wer goed. Moai hen, dy natoer…

ducten o r p e g i d n a H zinnen! e g e k k u r d voor

Kortingscode heitenmem01 voor 10% korting! - gezinsplanners (week en maand) - eetspel voor moeilijke eters - kinderwekker voor (te) vroege vogels - opvoedboeken en nog veel meer!

WWW.GEMAKKELUK.NL 46


Namme: Auke Venema (47)

Pake syn poppen

Wenplak: Burgum Hobbys: Myn pakesizzers, thrillers lêze, fuotbalje, rinne en films sjen. Relaasje: Al 28 jier troud mei Rommy Nammen pakesizzers: Lieuwe (5), Rommy (3) en Auke (15 wike)

‘De rubryk hjit normaal “Pake syn pop”, mar se binne my alle trije like leaf, dat dêrom woe ik it leafst mei alle trije op de foto. Fan myn dochter Wieke krige ik fan ’e wike in boekelizzer mei de tekst: “Don’t love one, don’t love two. Just love the one, who loves you too.” En sa is ’t mar krekt! Lieuwe is de âldste en altyd like entûsjast en enerzjyk. It is in echte toanielspiler, hy is gek op oandacht, mar hy jout ek in protte oandacht. Rommy is de middelste en se doart alles. In echt bazintsje. Auke is noch mar 15 wike en dy is nei my ferneamd. Dat fyn ik wol hiel spesjaal! It is in blier mantsje, hy laket hast altyd. Utsein dan op de foto. Ik wie sels noch mar achttjin jier doe’t ik heit waard, fandêr dat ik sa’n jonge pake bin. En dat hat in protte foardielen! Ik mei graach mei myn pakesizzers donderjeie en dan moatte je al wat in sterke ribbekast hawwe. Fierder bin ik regelmjittich mei de bern op de trampoline te finen! Ik sjoch se hast alle wiken wol in kear. Myn frou en ik meie graach fakânsje fiere, mar dat moat net langer as trije wike duorje! Hearlik om se by thúskomst wer te sjen. Meastal rinne se dan al jûchheiend, mei de earms wiid iepen en fol entûsjasme op je ôf. Dêr wurdst dochs bliid en entûsjast fan? It is sa kostber, je eigen fleis en bloed. De wrâld kin somtiden hurd wêze, mar bern witte alles te relativearjen. Myn pakesizzers sette my altyd mei beide fuotten op ’e grûn.’ Bisto pake of beppe en wolsto ek meidwaan oan dizze rubryk? Stjoer dan in foto fan dysels mei dyn pake- of beppesizzer nei: ynfo@heitenmem.nl.

47


Voordelig kennismaken met de Friesland Post Post? Neem dan nu een proefabonnement op de Friesland Post en ontvang 3 edities voor slechts € 10,-! Friesland Post is hét magazine vol boeiende reportages, foto’s, verhalen over het heerlijke (buiten)leven in het heitelân en interessante artikelen over bijzondere Friezen.

Het abonnement stopt automatisch na 3 edities.

JA

s 3 editie hts c voor sle

€10,-

Ik wil graag voordelig kennismaken met de Friesland Post en ontvang 3 edities voor slechts € 10,Ik betaal via

incasso / € 10,-

accept-giro / € 12,-

Uw gegevens Naam

Adres

Postcode

Plaats

E-mail

Telefoon

Ik machtig Friesland Post om éénmalig het verschuldigde bedrag af te schrijven van (Post)bankrekeningnummer:

Stuur deze bon op naar (postzegel niet nodig) Friesland Post, Antwoordnummer 1646, 8440 WB Heerenveen Insturen via internet kan ook:

www.frieslandpost.nl/heitenmem

FRIESLAND POST_adv_204x270 mm_fc_halfjaarabonn_heitenmem_okt2012_afl.indd 1

24-09-12 12:11

Heit & Mem 3 2012  

Twatalich tydskrift foar jonge âlden yn Fryslân

Read more
Read more
Similar to
Popular now
Just for you