Heit en Mem nr. 2 -2009

Page 43

Ja, ik wil (niet)! Geregistreerd partnerschap, samenwonen of trouwen? Hoe sit it krekt mei de formaliteiten, de hier fan it nije hûs dat jim tegearre hawwe, of de ynboel, en wat moat der gebeure as der bern komme? Binne de rjochten fan heit en mem foar troude stellen gelyk as foar gearwenjende stellen? Lês hoe’t it krekt sit op www.notaris.nl

Alwer in Fries! Komt de lytse poppe deroan en wolst in kajút op it dak of wolst sels in stik by ’t hûs oanbouwe? Dan hast mei in soad regels te krijen. Watfoar rjochten hawwe de buorren, hoe sit it mei de feilichheid en de sûnens. Al dyn fragen oer bouwen of ferbouwen kinst neilêze op www.postbus51.nl

heit

Prate en dochs € 40 besparje Litsto ek meastentiids dyn kompjûter oanstean ast in bakje kofje hellest of even sitst te praten? Kinst sa’n € 40 yn it jier, 135 kg CO2 en 180 kWh besparje mei de Ecobutton. Mei ien druk op ’e knop setst de pc yn de ecomode en is it stroomferbrûk minimalisearre. Troch ien fan de toetsen op dyn toetseboerd oan te klikken, kinst gewoan wer fierder gean. De Ecobutton wurket allinne op pc’s dy’t mei Windows 2000, XP of Vista (32-bits) draaie. Oan de Mac-fersy wurdt noch wurke. Priis € 20,75. Sjoch op www.nuonenergiewinkel.nl

Ook vaders kunnen aan een ‘postnatale’ depressie lijden. Uit onderzoek blijkt dat 62% van de vaders zich enige tijd depressief voelt gedurende de eerste 4 maanden na de geboorte van de baby. (Bron: www.9maand.be)

New York, here I come Asto ek mei hurdrinnen begjinne wolst, moatst earst even surfe nei www.hardloopschema.nl. Kinst dêr dyn eigen skema op maat útprinte, oanslutend by dyn basiskondysje en doelstelling fansels. Op dy site kinst ek tips fine oer skuon, klean ensfh. Wolst net allinne, en sikest in stok achter de doar? Begjin dan mei oaren te draven en jou dy op fia www. starttorun.nl. Starttorun organisearret yn ferskeidene plakken yn Fryslân basiskursussen (6 sneontemoarnen fan 1,5 oere foar € 30).

43


Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.
Heit en Mem nr. 2 -2009 by heit&mem - Issuu