Page 1

gratis en fergees

nr. 02 - 2009

tiid foar elkoar Een relatie, kinderen, en dan?

itensiede mei bern Gjin keunst!

Epilepsie Suzanne lacht en geniet, ondanks alles


De moaiste Fryske berneboeken fine jo by de Afûk Fryske boek- en taalwinkel, Bûterhoeke 3, Ljouwert, tel. 058 – 2 34 30 70

j

j

,95

Ni

Ni

19

r foa4,95 €1

n€

Fa

Wat heart Stip? Eric Hill

Krûpelhintsjes

Dêr is Marten wer

Stip giet te kuierjen en komt ûnderweis fan alles tsjin: in ko, in hynder, in trekker en noch folle mear. Dy meitsje allegear lûd. Druk mar ris op de knopkes…

Auck Peanstra, yllustraasjes Yke Reeder

Riemkje Pitstra, yllustraasjes Tryntsje Bottema

Dit prachtige lûdeboek fan Stip is fan 1 oktober 2009 oant 1 jannewaris 2010 te keap foar de spesjale aksjepriis.

In boekje fol nije ferskes en opsisferskes foar pjutten.

Nije aventoeren fan it ûndogenske mûske dat bekend is fan de Fryske skoalleradio en -televyzje.

Priis: € 9,95

Priis: € 12,95


Namme: Gerrit Jellema (29) Wenplak: Drachten Berop: Fêstigingsmanager fan in reklameburo Hobbys: fuotbal en ik bin fuotbaltrener by de Drachtster Boys Relaasje: 4 jier mei Ingrid Heit fan: Jens (1)

Heit syn jonkje

Bisto heit of mem en wolsto ek meidwaan oan dizze rubryk? Stjoer dan in foto op fan dysels mei dyn soan of dochter nei ynfo@heitenmem.nl.

‘Doe’t myn freondinne Ingrid yn ferwachting wie, hope ik as man eins stikem op in jonkje. Op it momint fan de befalling is it geslacht net mear sa wichtich, mar achterôf wie ik dochs wol bliid mei in stoer mantsje. Mei Jens kin ik no lekker stoeie en miskien aanst fuotbalje. Mocht it blike dat er hielendal net fan fuotbal hâldt, dan fyn ik dat ek prima hear. Mar as fuotbaltrener soe ik it wol in bytsje spitich fine. Mei hiele lytse poppen ha ik net safolle. No’t Jens wat âlder wurdt, krij ik der hieltyd mear aardichheid oan. Hy krijt in eigen wil, is nijsgjirrich en docht alles nei. Ik ha in drokke baan, mar ik meitsje alle jûnen tiid frij foar Jens. Dan stoeie wy efkes, boartsje mei de bal of sitte tegearre achter de laptop. Jens is gek op filmkes fan Bumba en de Bibaboerderij. Heit wêze is geweldich. Je wurde yn ien klap soarchsum. Ik sjoch no hiel oars tsjin bern oan. As ik bern op de dyk boartsjen sjoch, tink ik: berntsjes sjoch út! Dat hie ik foarhinne noait. Ja, sa’n lyts mantsje, dat docht je wol wat.’

3


Fan ’t simmer is de redaksje begûn mei nije ideeën foar it twadde nûmer fan Heit en Mem. In sfearfol nûmer moast it wurde! Foar my is it net slim om yn de mood te kommen. Mem bin ik fan twa hiele moaie berntsjes. In famke fan 8 en in jonkje fan 5. De jongste is sljocht op muzyk. Moarns betiid rûgelet er út bêd wei nei ûnderen en it earste wat er docht is it knopke fan de stereoblaster yndrukke. De folumeknop op 10. Hy beweecht op alles wat lûd jout. Syn kontsje draait in slach yn ’e rûnte en syn skonken wibelje as wie it Michael Jackson alive. It makket him ek net safolle út wat er heart, as it mar berneferskes binne. Dus wy hearre House for kids, Kinderen voor kinderen, Jip en Janneke, mar foaral ek Tomke-cd’s. Yn july sjongt er oer lampiontsje-rinne en ‘Knal boem knetter – fjoerwurk’ en op beppe har jierdei healwei augustus set er fol entûsjasme yn mei ‘in sek fol kadootsjes, hyp hyp hoera’. Yn dit nûmer fan Heit en Mem kinst winterideeën opdwaan. Bygelyks foar ast wat knutselje of itensiede wolst mei de bern. Der stiet in kollum yn oer Sinteklaas en Kryst; in ferhaal grôtfol mei de waarmte fan famylje en tradysjes. Want dêr is dizze tiid fan it jier dochs hiel geskikt foar…!? Lekker bûten útwaaie en dan allegear meielkoar wat ite en drinke. Fansels ha wy romte makke foar de fêste rubriken. Op de cover stiet heit Gerrit mei syn soan Jens, fierder: swier en swiet, yn ferwachting en efteryn de side spesjaal foar Heit. Ciska Noordmans

4


Ynhâld Kolofon redaksje: Aukje Mulder, Dieuwke Posthumus en Ciska Noordmans haadredakteur: Ernst Bruinsma meiwurkers: Karen Bies, Aukje Mulder, Jaap Mulder, Arjanne Nijp, Ciska Noordmans, Dieuwke Posthumus, Marijke Roskam, Marrit de Schiffart, Tjalling de Vries en Baukje Wytsma korreksje: Ytsje Steen-Buwalda, Joke Corporaal, Nynke Beetstra, Mirjam Vellinga redaksje-adres/ útjouwer: Afûk Postbus 53 8900 AB Ljouwert www.afuk.nl e-mail: ynfo@afuk.nl tel: 058-2343070 Printwurk: Telenga Drukkerij BV www.telenga.nl info@telenga.nl tel. 0517-380 980 Foarmjouwer: BWH Ontwerpers www.bwhontwerpers.nl info@bwhontwerpers.nl tel. 058-21 33 543

Fotografy: Het Hoge Noorden www.hogenoorden.nl info@hogenoorden.nl tel. 058-21 57 966 Linus Harms (side 3, 22, 47) www.linusharms.nl info@linusharms.nl tel. 06-17148763 Joan van de Brug (side 8, 9) www.joanvdbrug.nl info@joanvdbrug.nl tel. 0517-397978 Yllustraasjes: Andrea Kruis (side 25, 26, 44) www.andreakruis.com andrea.kruis@orange.fr

Advertinsje-eksploitaasje: Breuker Telemarketing & Meer Tel. 0515-41 21 11 www.breuker.nl Wolle jo advertearre yn Heit en Mem nim dan kontakt op mei info@breuker.nl Distribúsje: Heit en Mem wurdt fergees ferspraat yn in oplage fan 32.000 eksimplaren. Der wurdt wurke neffens in redaksjestatút dat boarch stiet foar de ûnofhinklikheid fan de redaksje. Heit en Mem is it twadde nûmer dat yn 2009 ferskynt yn dizze rige. Heit en Mem is in meartalich tydskrift en spesifyk rjochte op âlders mei bern yn Fryslân. Yn 2010 sille der fjouwer ferskine. Heit en Mem is fergees te krijen by boekhannels, bibleteken, gemeentehuzen en yn oare iepenbiere romten. Sjoch foar de ferspiedingslist op www.heitenmem.nl. Jo kinne ek in abonnemint op it blêd nimme. Foar € 10 wurde jo 4 nûmers tastjoerd. Nim foar mear ynformaasje kontakt op mei ynfo@afuk.nl ISSN: 1878-4437

3 4 6 8 11 12 14 15 17 18 21 22 24 26 27 28 33 35 36 37 38 40 41 42 43 44 46 47

nr. 02

Heit syn jonkje Kollum Ciska Noordmans Heit en Mem post Trouwe ast al bern hast Swier & swiet Bern yn Amersfoort grutbringe Kollum Jaap Mulder Utstapkes It feest fan Sinteklaas Projekt Home Start Berneboeken Yn ferwachting Hoe praat ik over seks met mijn kind Bernepraatsjes Heit en mem boeken Epilepsie Lekker waarm! It feest fan krysttiid Kollum Karen Bies Bern Bern mei briltsjes Itensiede mei bern Winterknutsels Kollum dokter De Vries Heit Een relatie, kinderen, maar dan? Bern & bist Beppe har pop

Heit en Mem hat in eigen webside! Sjoch gau op www.heitenmem.nl

5


heit & mem post Yn febrewaris komt it folgjende nûmer fan Heit & Mem út. Wolsto wat oan ús kwyt? In bysûnder ferhaal, in moaie foto, in goeie tip of gewoan dyn miening ergens oer? Mail it ús of stjoer it op! ynfo@heitenmem.nl Heit & Mem Postbus 53 8900 AB Ljouwert.

NÚTSJESMOAR? Poll op www.heitenmem.nl Pindakaas of nútsjesmoar?

Mem op in buorkerij Ik bin Nynke Boersma (24) en troud mei Foppe Boersma. Tegearre hawwe wy in prachtich keardeltsje: Jarn (1). Ik haw oant myn swangerskip wurke as kreamfersoarchster. Nei de swangerskip bin ik net wer de kreamsoarch yn gien. We binne acht wike nei de berte fan Jarn ferhuze nei in pleats, want myn man is boer. By myn wurkjouwer wurke ik bûten roaster, dat betsjutte dat ik meastal dei en nacht beskikber wêze moast. Want bern komme op alle tiden op ’e wrâld! Myn man syn wekker giet om fiif oere. Soe ik nei in befalling moatte, midden yn de nacht, dan moat de oppas wol hiel fleksibel wêze. Mar

de lytse man nachts wekker meitsje omdat ik wurkje moat, dat jout ús net in goed gefoel. Boppedat is der thús op de pleats genôch wurk. Dat ik altyd thús bin, fielt foar ús as in rykdom! Wy fine dat in prachtige oplossing. Faaks freegje minsken: fynst it net spitich datst net mear yn de kream bist en datst gjin eigen wurk mear hast? Fansels fyn ik de kream geweldich, mar dat kin altyd wol wer! Wat ik belangryk fyn is, dat ik dizze kar makke haw en dat wy der beide efter stean. Nynke Boersma út Grou

Een bril

Pytrik har tosk

Mette was 6 maanden toen het ons opviel dat ze loenste. Na aandringen bij het consultatiebureau werd Mette doorverwezen naar de orthoptiste. De orthoptiste ontdekte niet alleen een lui oog, maar ook dat Mette niet goed zag. Iets wat wij niet hadden verwacht, omdat ze elk kruimeltje zag liggen. Om goed te kunnen zien heeft het linkeroog + 8 nodig en het rechteroog + 9. Zo kwam het dat Mette een bril kreeg toen ze nog net geen jaar oud was. Binnen een week was ze aan de bril gewend! Speelgoed werd grondig bekeken in plaats van heen en weer geslingerd en/ of weg gesmeten. Het lukte toen opeens wel om te gaan staan. Dankzij de bril heeft ze geen achterstand in haar ontwikkeling en is ze rustig van aard geworden.

Us jongste dochter Pytrik is berne mei in cyste op har ûnderkaakje. Mar se hie der net sichtber lêst fan. De bernedokter sei: “Foardat Pytrik in tosk hat, is de cyste wol fuort.” Doe’t Pytrik tsien dagen âld wie, wie de cyste al wat ôfsakke mar seagen we in lyts giel puntsje. It wie net te leauwen, dat giele puntsje wie in tosk! Nei in oantal dagen fielden wy dat de tosk los siet. Mei seis wike waard Pytrik har tosk fuort helle, want se mocht him net yn de kiel krije. De toskedokter hie noch nea sa’n lyts wyfke op de ôfdieling ‘bijzondere tandheelkunde’ hân. Pytrik is no alve wike en hat alwer in tosk! De tosk wibelt alwer in bytsje, mar se hat der noch gjin lêst fan. Soe Pytrik ea wer in tosk krije op it plak dêr’t har earste tosk sitten hat? Dat witte wy net, mar bysûnder is it wol.

Marjan Overzet út Sint Anne Parochie

Sjoch op pagina 38 foar mear ynfo oer briltsjes.

Karin Frankena

6

Pindakaas 47% Nútsjesmoar 52%


Poppe fan de moanne!

ma aie

bernekeamer Dit is de bernekeamer fan Ilse. Se hat in keammerke mei âlde, byelkoar sochte meubels. It bêd ha wy op ‘Marktplaats’ foar in prikje fûn. Myn skoansuster hat der in moai bypassend oertrekje by makke. It lytse búkkastje hawwe wy fan ús âlde tante krigen, om’t sy ferhúzje soe. It wie donkerbrún, dat wy hawwe it gewoan yn de grûnferve setten. Bytsje skuorje en it liket wer prachtich. Ik hâld fan de kombinaasje fan âld en nij guod, it leafst mei rútsjes en stipkes. Sa haw ik ek in âld lampke wer hip makke mei in nij kapke en in kleurke op de poat. Tegearre mei myn buorfrou haw ik in skoftke in winkeltsje hân mei ‘oppimpte’ meubels en lampkes, klean, hierspjeldsje, ensafuorthinne. Mar dat naam in soad tiid yn beslach, dat doe binne we der mei ophâlden. Mar as misken freegje oft wy in kastje wer as nij meitsje wolle, sizze wy dêr gjin nee tsjin. Tsjintwurdich haw ik in webwinkeltsje mei twaddehânsk klean fan myn beide famkes; www.fryskdumke.nl. Sonja Molenaar út Winsum

Bisto ek sa grutsk op de bernekeamer? Mail in foto mei ferhaaltsje nei ynfo@heitenmem.nl

juny

Jorn van der Kuur

Eva Hooghiemstra

(11 moanne) út Berltsum

(3 moanne) út Noardburgum

july

augustus

Ylse Marija Romkes

Nynke Spieksma

(10 moanne) út Ingwierrum

(10 moanne) út Boelensleane

septimber

ok tober

Jesse van der Wal

Jelmer Hempenius

(1 jier) út Balk

(11 moanne) út Wytmarsum

Fynsto dat dyn soan, dochter, beppesizzer, omkesizzer, buorjonkje of buorfamke ek de moaiste poppe fan de wrâld is? Mail dan in foto nei ynfo@heitenmem.nl. En wa wit, stiet dyn foto as poppe fan de moanne op heitenmem.nl en krijsto it nijste Fryske berneboek tastjoerd! ‘Poppe’ is Fries voor baby. De baby mag niet ouder dan één jaar zijn!

7


Marijke Roskam

‘Ut de jacuzzi wei  ha ik eltsenien belle om it te fertellen’ De garaazje pûlet út fan de kleurde fytskes fan ferskaat formaat en troch it rút fan de gesinswente yn Dronryp is sawol Piet Piraat as in babystuoltsje te sjen. Hjir wennet in grut en gesellich gesin, it nammebuordsje by de doar telt mar leafst seis nammen. Tolve einliks, want yn huize Van Beem hat eltsenien in dûbele namme. Aly Minke van Beem - Heeg hat der sels fjouwer! ‘Lang om let hie ik deselde namme as de man fan myn libben èn myn bern. Dat fielt moai en kompleet.’ 8


De lytste poppe is noch mar in pear wiken jong en wit noch neat fan breidsjurken, resepsjes en knipende fuotten yn wite pumps. Ilse Marije fan fjouwer wol. Tegearre mei har mem besjocht se oan de keukentafel nochris it tsjokke trouboek fan har âlden, mei foto’s út 2006 fan in grut feest op in boerepleats. Ek sy en har broer Jorn Lars steane op de foto. In lyts fingerke wiist nei in romantysk plaatsje fan it gesin. ‘Dat is rinkjetrouwen he mem?’ Aly Minke belibbet de dei op ’e nij en knikt glimkjend. ‘Ja!’ Frjemd Se dreamde der fan. ‘Ik bin hielendal net fan it getut en de make-up, mar it like my sa moai om ien kear yn in moaie jurk feest te fieren en “ja” te sizzen tsjin myn freon Jan Willem. Mar hy wist eins net sa goed oft en hoe’t hy trouwe woe. Net yn tsjerke, mar hoe dan wol? En noegje we dan eltsenien út, of dogge we soks wat lytser? Ik hie him in bytsje gekjeiend al in pear kear frege, mar hy woe der net oan. We kochten in moai hûs, ik rekke swier en sa wiene der nei in pear jier al twa bern. Oft ik dan noch hieltiid trouwe woe? Seker. At je bern ha, kieze je al foar elkoar. Mar dochs woe ik dat ek graach offisjeel dwaan. Foaral omdat ik graach deselde efternamme ha woe as myn freon en bern. It fielde earlik sein mar frjemd dat ik as iennichste yn it gesin in oare namme hie, as hearde ik der net hielendal by. En dat romantyske plaatsje hie ik ek noch altyd yn ’e holle.

Mar ja, ik hie him al frege. Dus ik fûn dat hy it no mar dwaan moast. Mar dat duorre mar en duorre mar, haha. It rekke troch alle drokte ek in bytsje op de eftergrûn.’ Ferrassing Mar doe... ‘De deis dat we tsien jier by inoar wiene ferraste er my! Hy hie yn it geheim in oppas regele foar de bern en in romantyske toer pland. We giene del by alle plakjes dêr’t wy moaie oantinkens oan hiene. De diskoteek yn Berltsum dêr’t we ferkearing krigen, it strân fan Harns mei lange kuiers en it genietsjen fan elkoar, it wie hiel spesjaal om dy dingen wer efkes op ’e nij te belibjen. Dat wie noch net alles, want dêrnei giene wy romantysk út iten. Ik fielde al oan dat der wat barre soe, mar doarde ek net tefolle te tinken oan wat Jan Willem fan doel wie.’ Wylst Ilse Marije limonade kriget, it konsultaasjeburo bellet foar in ôfspraak en Aly Minke mei ien ear heart oft de lytse poppe noch leit te koesen, fertelt se optein fierder. ‘Ynienen gie syn tillefoan. Hy die wat geheimsinnich en naam my mei nei it hotel dat er reservearre hie. Doe’t we dêr kamen wist ik net wat ik seach, oeral stiene flakkerjende waksineljochtsjes, oant de jacuzzi ta. It seach der prachtich út. Doe, lang om let, gie er op ’e knibbels en frege my om mei him te trouwen. Ik wie út ’e skroeven, út de jacuzzi wei ha ik eltsenien belle om it te fertellen. Echt geweldich! Se hiene it allegearre wolris ferwachte, mar no koe

ik ècht sizze dat we man en frou wurde soene. Dat wie moai om tsjin harren te sizzen, út dat bad wei. Hihi.’ Famyljefeest Dyselde minsken binne te sjen yn it trouboek. Op de âlderlike pleats yn Spannum, yn de steatlike trouseal op Epemastate... Echt prinsesse-eftich en tagelyk op syn Van Beem-Heegs.‘Tagelyk in húshâlden èn in houlik organisearje is bêst wol lestich. Gelokkich is Jan Willem hiel organisearre en bin ik ek net gau strest. De dei striele echt it ûntspande famylje- en freonegefoel út. Gjin gedoch, mar alle leave minsken út ús fermidden wiene der by. De jûns ha ik gewoan lekker myn platte skuon oandien om te dûnsjen en we hiene ek betocht dat de bern lykas ús in gouden rinkje om krigen. Tagelyk hiel gewoan, mar wol bysûnder.’ Ja ja Neffens Aly Minke is trouwe mei bern derby nammentlik dûbeld ja sizze. ‘Jan Willem en ik ha elkoar al sa yntinsyf meimakke. Swier wêze en heit en mem wurde is al in hiele feroaring, sitst der bytiden hielendal trochhinne. Dus ynearsten sei ik “ja” tsjin immen dy’t ik al yn goeie en minne tiden meimakke hie. Te’n twadden is it yntinser omdat de bern der by binne. Je dogge de gelofte net foar ien persoan, mar foar it hiele gesin. Je sizze ta dat je byelkoar bliuwe en je bêst dwaan sille. Dat ús bern derby wiene makke it, foarsafier’t dat mooglik wie, noch yntinser en spesjaler.’

9


is een maandelijks magazine voor iedereen die van Fryslân houdt. Het staat altijd boordevol items over Fryslân en de Friezen, zoals spraakmakende interviews, verrassende reportages over kunst, cultuur, natuur, sport en maatschappij. Daarnaast informatieve rubrieken als Kort & Klein, Fryslân Toen, enz. AR LANG A J F L A EEN H ND POST A L S IE R DE F  18,– S T H C E L VOOR S Ga naar

www.frieslandpost.nl of vul onderstaande bon in

❏ Ik wil graag met ingang van het eerstvolgende nummer een abonnement op Friesland Post. ❏ Ik wil graag een abonnement op Friesland Post weggeven. Het adres waar het cadeau naar toe moet sluit ik hierbij in. Ik betaal via ❏ incasso/ 39,50 ❏ accept-giro/ 41,50 ❏ Ik wil graag een proef-abonnement van 6 maanden, Ik betaal via ❏ incasso/ 18,00 ❏ accept-giro/ 19,75 ❏ Ik wil graag een abonnement naar het buitenland,  69,50 per jaar. Naam: Adres: Postcode / Plaats: Telefoon: Bank/gironummer:

Handtekening:

Stuur deze bon (of een kopie hiervan) in een envelop zonder postzegel naar: Friesland Post, Antwoordnummer 100 8600 VB Sneek.


Fingerpopkes fan Tomke

Myn eigen boek Hoe haw ik myn namme krigen? Wêr lykje ik it meast op? Wa kaam op kreambesite? In boek mei prachtige tekeningen fan Jentsje, foar elkenien dy’t krekt in lytse poppe krigen hat en dy’t alle oantinkens dêroan bewarje wol. Foar €13,50 te bestellen fia http://boekwinkel.afuk.nl.

Swier & Swiet In frou dy’t yn ferwachting is komt gemiddeld 12 kilo oan

Betink no dyn eigen Tomke-aventoeren mei de fingerpopkes fan Tomke! Kornelia, Tomke, Yana Yu en Romke binne as set te bestellen, foar € 9,95, fia http://boekwinkel.afuk.nl.

Kreamklopperke Eartiids hong op de doar fan huzen dêr’t in poppe berne wie in ‘kreamklopperke’. It wie de gewoante om de doarklopper yn wite linnen doeken te bewuoljen, om sa it lûd fan de klopper te dimpen. Foarbygongers wisten dan dat der in poppe berne wie. Letter krige de kreamklopper in plankje, fersierd mei reade side. Wie it reade flak foar in part bedutsen mei wyt papier, dan wie it in famke en as dat net sa wie, in jonkje. Pas nei seis of acht wike gong de mem foar it earst nei tsjerke ta en waard de kreamklopper derwei helle. Oant dy tiid mochten skuldeaskers en belestingamtners net oan de doar komme.

Vrolijke hanglamp

Retro potsje

Wil je een opvallende blikvanger voor in de kinderkamer? Deze hanglamp ‘haert’ van het merk Gek is rood geruit en heeft aan de boven- en onderkant roze geruite ruches. Welk meisje wil deze lamp nu niet op de kamer? Voor € 62,95 te koop bij Villa Vrolijk in Noardburgum of te bestellen via www.villa-vrolijk.nl.

Bisto ek sa gek op retro meubeltsjes of boartersguod? ‘Tink om ús bern’ is spesjalisearre yn berneartikels út de jierren fyftich oant tachtich. Dit potsje is foar € 5,00 te bestellen fia www.tink-om-us-bern.nl.

11


Marrit de Schiffart

‘Stip hyt by ús Dribbel’ Bern yn Amersfoort grutbringe yn it Frysk:

As bern út in Frysk gesin yn Almelo, wit Irene van den Brink út eigen ûnderfining

dat jo der net hinder fan hoege te hawwen at jo bûten Fryslân yn it Frysk grutbrocht wurde. Har memmetaal is belangryk foar har, dus doe’t har man Matthijs Frysk leare woe, wie de kar foar har eigen bern net dreech: dy moasten ek yn it Frysk

grut wurde. Oant no ta hat se dêr gjin momint spyt fan hân. De iennige tûkelteam

wie dy giele hûn mei dy brune flek, want hoe kinne jo dy no Stip neame at er troch freontsjes Dribbel neamd wurdt?

‘As Matthijs net Frysk leare wollen hie, dan hienen wy Jelle en Sybren gewoan yn it Nederlânsk opfieden. Want it wie net sa dat ik myn bern perfoarst yn myn memmetaal grutbringe woe.’ Dochs fynt Irene it no hearlik dat se “gewoan” Frysk tsjin har twa jonges Jelle (4,5) en Sybren (2) prate kin. ‘Om’t wy yn Almelo ek altyd Frysk praten, fielt Frysk feilich, it fielt as thús.’ Dat lêste wie de foarnaamste reden foar Irene om foar it Frysk te kiezen. In kar dy’t se meitsje koe om’t har man de Fryske taal sûnder al te folle muoite oanlearde. Doe’t it stel - dat ûndertusken yn Amersfoort wennet - in skoftsje ferkearing hie, joech Matthijs oan dat er wol Frysk prate woe, ek om’t er it ferfelend fûn dat syn skoanâlden har oanpasse moasten at er by har thús

12

wie. Irene: ‘Hy is foarsichtich begûn doe’t wy mei myn âlden op fakânsje wienen yn Praag. Ik beneamde ûnder de ôfwask alle foarwerpen dy’t foarby kamen, fan foarke oant gatsjepanne. It wie foar him makliker om earst losse foarwerpen te learen, dan hoegde er him net dwaande te hâlden mei de sinsbou.’ Nei in skoftsje Frysk en Nederlânsk trochinoar praten te hawwen, koe Matthijs him hielendal rêde yn it Frysk. Doe’t Jelle berne waard, wie it dan ek net mear as logysk dat hy yn it Frysk grutbrocht wurde soe. Fanwege de spoekferhalen oer Fryske bern mei in taalachterstân hawwe Matthijs en Irene noch wol oer twatalich opfieden neitocht, mar seagen dat dochs net sitten. ‘It liket my hiel frjemd at der twa talen yn ien

húshâlding praten wurde. Tsjin wa prate jo dan wat as jo mei it hiele gesin by de keukentafel sitte?’ Op skoalle Jelle en Sybren wurde dus yn it Frysk grut, in kar dêr’t de âlden noch gjin spyt fan hân ha. Spannend wie it wol, want hoe soe it op skoalle útpakke? De befêstiging dat it ek dêr goed giet, hat Irene wat Jelle oangiet al. ‘In skoftsje lyn krigen wy de útslach fan de Cito-toets yn groep 1. Dêr die út bliken dat er heger as gemiddeld skoarde op taal. Ek op de rapporte-gearkomste joech de juf oan dat se der neat fan murk dat er thús Frysk praat.’ Neffens Irene komt dat ek om’t Jelle altyd nei in bernedeiferbliuw en in pjutteskoalle west hat. Dêr learde er al


Nederlânsk. Yn dy tiid murk se dat er noch wolris muoite hie om beide talen útinoar te hâlden. ‘Dan hie er sinnen mei sawol Fryske as Nederlânske wurden. Dat docht er no net mear, hy skeakelet maklik oer en wit ek goed tsjin wa’t er Frysk

Frysk prate fielt as thús prate kin en tsjin wa Nederlânsk.’ Wat dat oangiet sit Irene noch wol in bytsje oer Sybren yn. Om’t se no sels studearret, giet hy net nei in bernedeiferbliuw en heart er hast allinne mar Frysk om him hinne. ‘Dat is efkes ôfwachtsjen, mar dochs tink

ik dat it by him ek hurd gean sil at er nei skoalle giet.’ Ferhearde reaksjes De reaksjes fan famylje en freonen wienen benammen yn it begjin net altyd like posityf. Foaral Irene har skoanâlden fûnen it frjemd en stelden in soad fragen. ‘Dat is ek wol te begripen, want it is ek frjemd at jo soan – dy’t Nederlânsktalich is - syn bern yn it Frysk grutbringt. Dêrneist wienen se fansels bang dat se de bern net ferstean kinne soenen. Yn ’e earste jierren wie dat ek wol sa, doe moast ik noch wolris fertale wat de bern seinen. Guon fan de famylje en freonen fûnen ús oanpak mar yngewikkeld. Gelokkich binne se fan miening feroare no’t se witte dat de bern

ek goed Nederlânsk kinne. Sa hat Jelle fan ’t simmer by myn skoanâlden útfanhûs west, hy hat net in wurd Frysk praat!’ Om’t it Fryske rûntsje dêr’t de bern yn libje sa lyts is, lêze Matthijs en Irene de bern altyd yn it Frysk foar. Nederlânske boekjes ferfryskje se gewoan. Dat giet har goed ôf, allinne mei Nijntje ha se muoite, want dy boekjes binne op rym. ‘Gelokkich ha wy in neef en nicht yn Fryslân wenjen, dy nimme wolris Fryske Nijntje-boeken foar ús mei.’ En wat dy giele hûn mei dy brune flek oangiet: ‘It bistke kin net twa nammen ha en it wie wat te yngewikkeld om de bern út te lizzen dat Stip de Fryske namme is en Dribbel de Nederlânske, dêrom ha wy foar Dribbel keazen.’

13


Jaap Mulder (1959) is kabaretier, komponist en toetsenist fan de band Seven Day Hunt én heit. Hy hat twa soannen, Sieger (10) en Jorrit (7).

LEER VAN MIJ Vroeger dan normaal word ik wakker. Wakker van wat? Ik lig naar het plafond te kijken en luister, maar er is niets te horen, echt niks. En dát is opmerkelijk... Ik sta op, doe het gordijn opzij en begrijp het meteen: het sneeuwt. Het sneeuwt écht. En zo te zien al úren, want er ligt een waanzinnig pak dat alle stadsgeluiden absorbeert. ‘Jongens, opstaan, kijk naar buiten! Dit is prachtig, alles wit!’ De zoons komen aansloffen. Ze kijken. ‘Nou wat?’ zegt de oudste. ‘Dat is sneeuw!’ wijs ik kirrend. ‘Ja, en?’ schudt de jongste meewarig het hoofd. ‘Sneeuw. Nou, boeien.’ ‘Boeien? Jongens, dit is toch vet, gaaf, kicken?!’ ‘Echt niet.’ ‘Prachtig toch, dit hebben jullie nog nooit gehad zó!? En dat komt zomaar uit diezelfde lucht vallen waar gisteren nog alleen een paar wolkjes hingen! Maf eigenlijk, toch?’ Ze kijken nu onderzoekend naar mij. ‘Dit is ouderwets! Echt onvervalst. Want dít hadden wij nou vroeger altijd.’ ‘Ja hoor...’ ‘Altijd jongens. Elke winter sneeuw. Van oktober tot midden in mei en dat waren grote bergen. Elk jaar moesten dorpen met helikopters bevoorraad worden en was de voordeur geblokkeerd door een witte muur en moest je via het balkon naar buiten...’ De oudste gaapt. ‘Ik ga weer naar bed.’ ‘Ja,’ zucht de jongste, ‘de hele dag; we kunnen toch niks.’ ‘Hoho!’ zeg ik. ‘Kleren aan – wij gaan aan het werk.’ ‘Hoezo?’ ‘Mannen, léér van mij, dit is serieuze sneeuwval. De wereld is bezig vast te lopen nu, dus gepaste actie is geboden. Iemand moet nu onder deze barre omstandigheden de leiding nemen. Ik zeg: ik ben er klaar voor. At your service!’ ‘Ja hallo! Maar dat is koud hoor daar. Wij gaan echt niet naar buiten!’ ‘Echt wel. Kom, ik ga de winterspullen zoeken... En dat het ook leuk kan zijn in de sneeuw – dát vooral.’ En zo zijn wij de hele dag aan het scheppen, vegen en schuiven. Wij – één vrolijke en twee morrende mannen. Ik laat zien hoe je een iglo bouwt en wat de treffende kenmerken van een goede sneeuwpop zijn. We oefenen het ballen gooien en met frisse tegenzin ondergaan zij het ‘inzepen’. Alles ouderwets volgens de regels van koning winter. Dan vind ik het welletjes. ‘We stoppen mannen. Maar! Nog 1 ding: de ijsbaan.’ ‘Wat?’ ‘Jaja, we maken hier op de stoep een strakke glijbaan, water erop, vannacht lekker vriezen, heb je morgenochtend een te gekke ijsbaan. Zo doe je dat. Ja vrienden: léér van mij.’ De volgende morgen word ik wakker. Vroeger dan normaal. Wakker van wat? De stemmen van de jongens onder aan de trap. ‘Pap, of je even wil komen. De politie... D’r hangt een bejaarde met zijn rollator in de boom!’

14


Schaatsen Lekker eefkes mei syn allen te reedriden? Yn de IJshal fan Ljouwert binne der spesjale ‘familierondjes’. Foar € 13,50 kinne twa folwoeksenen en trije bern swiere en swaaie, mar ek gewoan rûntsjes ride, op de grutte baan. En fansels nei ôfrin in lekkere mok poeiermolke. Sjoch ek op www.ijshalleeuwarden.nl

Me Tarzan, you Jane!

Taarten bakken

Wolsto mei dyn pjut (o/m 4 jier) lekker yn de lianen slingerje fan Speelbos Joure, dan kinst op tiisdei en tongersdei gebrûk meitsje fan in spesjaal ‘peuterarrangement’ à € 7,50 . Meist sels fergees meiboartsje! Oeaaaawaa! Sjoch ek op: www.speelbosjoure.nl

Mei syn allen; pake, beppe, omke, tante en de bern of sikest tegearre mei dyn soan/dochter nei in spesjaal momint? Bak in lekkere taart bij Zoet! yn Burgum. Skriuw jim tegearre yn foar in workshop of kom mei de famylje om in stapeltaart te meitsjen. Klaaie mei daai, en lym dyst ite kinst? In pinguin, seerôver, of prinsessetaart? Rôze grien of blau? Sjoch gau op: www.zoetmettaart.nl

útstapkes Kaatsen met de kerst ‘de striid om de sulveren bal’.

Poppentheater Jan Doedel Kom mei de hiele famylje (fan 2-12 en folwoeksenen) del nei de famyljefoarstelling yn poppeteater Jan Doedel om it ferhaal te sjen fan @sylepoes, in bytsje in frjemde poes mei in apesturtsje of sjoch ien fan de oare foarstellings op woansdei, sneon en snein (Nederlânsktalich). Gaestdyk 30, 8522 MX Tsjerkgaast, tel. 0514-531562.

Jonge talinten meitsje in muzikaal spektakel oere jonge keatshelden út ferfleine tiden. It ferhaal lûkt dy mei fan spul nei werklikheid, fan it fêstsitten yn ellinde nei kânsen dyst pakke kinst! Net seure, mar dwaan! Dizze foarstelling fol passy en fjoer wurdt de hiele krystfakânsje spile (fan 8 jier ôf, ek foar Nederlânsktaligen). Sjoch ek op: www.harmonie.nl. Jeugd/freonen fan Tryater € 16,50, folwoeksenen € 19,50

Kleikabinet By de ‘Gratis Rondleiding van de Maand’, elke 2e snein fan de moanne is de hiele húshâlding wolkom yn it Princessehof foar it KleiFestijn. As heit en mem troch it museum skarrelje, kin bern har eigen keunstwurk klaaie of skilderje. Opjefte yn it museum. Sjoch ek op: www.princessehof.nl. Foaral leuk foar bern fan 6-12 jier, € 3,50 p/bern.

15


Naast magazines als deze bent u ook voor familiedrukwerk bij Telenga op het goede adres

Geen kind en geen gezin zijn hetzelfde Kinderen en jongeren met een verstandelijke beperking en hun ouders kunnen bij Talant terecht voor zorg en ondersteuning. Zo lang mogelijk in het eigen gezin wonen is natuurlijk het mooist. Dat lukt als de zorg en ondersteuning goed georganiseerd zijn. Talant zet zich in voor een passend aanbod! Talant biedt: • Dagbesteding (Kinderdagcentra) • Logeren en Logeerkring • Thuisondersteuning • Praktische Pedagogische Gezinsondersteuning • Wonen en Meeleefgezinnen • Ondersteuning in het onderwijs • Observatie en Diagnostiek Kijk voor meer informatie op www.talant.nl of bel met de aanmeld- en plaatsingsmedewerkers van Kind & Gezin via 0513 - 64 38 00.

Catalpa Kinderopvang

Oog voor kwaliteit Harlingerweg 14 - 8801 PA Franeker Postbus 42 - 8800 AA Franeker tel. (0517) 380 980 - fax (0517) 380 987 email info@telenga.nl - www.telenga.nl

advertentie_HeitMem.indd 1

óók in Friesland!

02-10-2009 14:47:20

wittenskiplik sintrum fan Fryslân

Met 15 kindercentra in Leeuwarden, Drachten en Heeg èn ons gastouderbureau in Drachten, bieden wij in de provincie Friesland volop mogelijkheden voor dagopvang, buitenschoolse opvang en gastouderopvang. Nieuw: nu ook Sport BSO in Leeuwarden!

www.catalpa.nl Belangstelling? Bel voor meer informatie over het Catalpa Gastouderbureau met 0900 2000 700. Wilt u meer weten over onze kindercentra? Bel dan gratis 0800 0743.

www.fryske-akademy.nl Doelestrjitte 8 - Ljouwert - tel. (058) 213 14 14 - fa@fa.knaw.nl


IT FEEST FAN SINTEKLAAS BAUKJE WYTSMA

Feestfiere heart by it libben. De iene hat der mear nocht oan as de oare. Foar guon minsken giet der gjin wike foarby of se moatte efkes lekker út har dak gean. Oaren hawwe der mear muoite mei om harsels te ferliezen yn in rumoerige romte dêr’t de wrâld soms wol op ’e kop liket te stean. Wat foar de ien in feest is, kin foar de oar in straf wêze. Wat bart der as Sinteklaas wer yn it lân is? Wol elkenien, lykas yn earder tiden, him noch meislepe litte yn it oerâlde ferhaal fan de biskop fan Myra en syn trouwe maat Swarte Pyt? Ikke wol. Wat my oanbelanget heart Sinteklaas by it libben. Noait sil ik it momint ferjitte dat ik him foar de earste kear oankommen seach. Myn beukerhert rattele as in lammesturtsje. Efter de hege finsters fan de âlde bewaarskoalle seach ik it reade puntsje fan syn miter foarbykommen. Noch twa finsters fierder… Mei ús juffer Froukje songen wy ús de longen út it liif. Noch efkes en hy soe by ús yn de klasse stean! Waarm wie ik, sa appelwangewaarm. De memmen, feilich efter yn de klasse, praten drok mei mekoar. Se laken en se wiisden. Sinteklaas! Dat moaie lange wite burd! De reade mantel mei de gouden franjes, de wite wanten mei om syn finger de gouden ring mei de glinsterjende robyn, it grutte tsjokke boek dêr’t alles ynstie wat er oer ús wist, ûnder de earm. En njonken him Swarte Pyt, in breedlaitsjende krollebol mei in mûtse mei in fear, de sek foar de stoute bern op ’e rêch. In wûnder wie it, dêr´t we mei iepen mûlen nei sieten te sjen. In magysk

momint dat ik noch altyd yn geuren en kleuren oproppe kin. Myn leafde foar Sinteklaas is dan ek noait oergongen. Alle jierren sjoch ik wer út nei it Sinteklaasfeest, dat wy earst mei de bern en letter like fleurich mei de bernsbern fierd hawwe. Wy hawwe der in soarte fan famyljetradysje fan makke dy´t noch altyd bestiet. Earst gesellich mei mekoar ite ( fêst menu) en dan wurdt it stadichoan tiid foar it echte barren: de pakjes en de gedichten! Elk hat al in pear wike yn it foar in nûmerke lutsen en wit sa foar wa’t er syn/har pakje meitsje moat. No’t ek de beppesizzers grutter wurde, is it oantal pakjes wol in bytsje slonken, mar de wille is der net minder om. It moaiste momint komt as de bern foar de earste kear harren eigen gedicht foarlêze kinne. Hielendal sels in Sinteklaasgedicht skriuwe is fansels hielendal in prestaasje fan formaat! Bern leare sa yn alle gefallen dat in Sinteklaasfeest ek in gesellich barren wêze kin dêr’t se dan miskien letter net alle jierren as in berch tsjinoan hoege te sjen. Ek yn de tiid fan Sinteklaassintrales, Sinteklaasmusicals, Helpsinteklazen, Ballonpiten, Gûchel-en Googlepiten, rydt Sinteklaas yn myn belibbing noch altyd gewoan mei ien Swarte Pyt op syn hynder troch de hege wite snie, lizze de woartels en de sûkerklûntsjes foar it hynder yn de skoech by de hurd. En sjoch, de moanne skynt ek no noch altyd troch de beammen. Alderwetsk romantysk gedoch? No en!

17


projekt home-start Marrit de Schiffart

Het is de taak van de mediator om helder te krijgen waar het vast loopt.

Ik zag in dat ons huwelijk niet meer te redden was. Juist over de kinderen ontstaan de meeste conflicten.

18


As jonge âlder ha jo in soad taken: om de bern tinke, foar brea op ’e planke soargje, it hûs skjinhâlde en dêrneist is der noch it eigen sosjale rûntsje dat oandacht freget. As alles op in stuit dan ek noch yn ’e war rekket troch bygelyks sykte of in tekoart oan jild, is it wol hiel dreech om de boel op ’e rails te hâlden. Foar sokke gesinnen is it projekt Home-Start bedoeld. Frijwilligers komme op besite om gesinnen op it emosjonee of praktyske flak te stypjen. Foekje Hilverda (32) en Hieke de Groot (59) binne frijwilliger foar Home-Start en fertelle oer it nuttige projekt.

‘Wy jouwe gesinnen wat lucht’ ‘Wy binne hiel dúdlik gjin opfieders, wy komme net by in gesin om’t wy “de boel dêr wolris efkes resosjalisearje sille”. Nee, wy steane just neist de âlders, tinke mei har mei en dogge leuke dingen mei se’, fertelt Foekje. Dêrmei hat se fuort in wichtich punt te pakken. De frijwilligers fan Home-Start komme nammentlik net by in gesin om har terjochte te wizen, mar om se te helpen. Hieke: ‘It is faak foaral de mem dy’t wat lucht nedich hat. Ik gean faak ris efkes mei har te kuierjen, te boadskipjen of nim de bern mei nei de boarterstún.’ It binne faak de simpele dingen dêr’t de âlders help by nedich hawwe. Ek Foekje helpt ‘har’ gesin by de deistige saken. ‘Ik gean mei nei it konsultaasjeburo of de reyntegraasje of ik help har mei de administraasje of it keapjen fan bygelyks in televyzje.’ Dochs is de help net allinne nedich op it praktyske flak, mar ek op it emosjonele. In lústerjend ear en it jaan fan waarmte binne faak noch folle belangriker as de help by praktyske dingen. Foaral

allochtoane gesinnen dy’t muoite hawwe om in sosjaal libben op te bouwen hawwe dêr ferlet fan. Hieke: ‘Sy misse har famylje, komme hast net bûten en fiele har allinne of somtiden sels depressyf. Wy biede se wat persoanlike oandacht en in steuntsje yn ’e rêch. By sokke gesinnen besykje ik ek altyd om wat positive enerzjy oer te bringen. Der hinget somtiden sa’n swiere sfear yn ’e hûs; ik wol de gesinnen sjen litte dat it libben ek leuk wêze kin, troch leuke dingen mei se te dwaan, grapkes út te heljen en in protte te laitsjen.’ Kursus Foar’t Foekje en Hieke oan de slach koenen as frijwilliger by Home-Start, moasten se in kursus folgje. Op de kursus learden se oer de wurkwize fan HomeStart en kamen se yn ’e kunde mei oare frijwilligers. Nei de kursus waarden se oan in gesin keppele. Ek dêrnei bliuwe de frijwilligers ûnder begelieding fan in projektkoördinator en binne der noch

hieltyd frijwilligersgearkomsten. De koördinator fan it projekt keppelet in gesin en in frijwilliger oan elkoar op basis fan de winsken dy’t se beide hawwe. Dat elke frijwilliger en elk gesin wer oars is, blykt al út de ferhalen fan Foekje en Hieke. Foekje hat foar in gesin keazen dat tichtby wennet, wylst Hieke leaver wat mear ôfstân hâldt. Hieke: ‘Ik help in gesin foar maksimaal in jier en besykje se ien kear yn ’e fjirtjin dagen. Nei dat jier slút ik it ôf om’t ik fyn dat se net ôfhinklik fan my wurde moatte.’ Foekje sjocht har gesin folle faker, se komme ek by har thús en fiere sels har jierdei en Kryst mei har. ‘Ik belûk se by myn eigen libben, dat fyn ik it noflikst wurkjen. De bern komme hjir ek wol oer de flier om te boartsjen. En at de help aanst net mear nedich is, hâlde wy wol kontakt. It binne freonen wurden.’

19


Sintrum Frysktalige Berne-opfang MEARTALIGENS IS GOED FOAR DE ÛNTWIKKELING FAN BERN De bêste basis dêrfoar leit yn de poppe- en pjutteleeftyd. Der binne no al 80 pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen yn Fryslân dy’t bewust mei taalbelied wurkje. Se jouwe in soad omtinken oan taalûntwikkeling en twataligens by de bern. De plakken binne oansletten by it SFBO en wurde beoardiele op har wize fan wurkjen.

BrightStar

is een nieuwe behandelmethode die de oorzaak van dyslexie stap voor stap aanpakt. In 6 weken beter lezen en schrijven, meer zelfvertrouwen en betere concentratie, met een blijvend resultaat. www.brightstarnederland.nl

Vissersburen 16-20 Lemmer / tel 0514-534309 / 06-49757831 l_j_steigstra@brightstarnederland.nl

SYKJE JO IN PJUTTEBOARTERSPLAK OF BERNEDEIFERBLIUW? Kom dan ris sjen by ien fan dizze plakken. Se biede goede opfang en wat ekstra’s foar álle bern: boartsjendewei in taal derby.

FOAR MEAR YNFORMAASJE EN DE LIST MEI PLAKKEN KINNE JO TERJOCHTE OP WWW.SFBO.NL

een wereld aan

(luister)boeken,

cd’s en dvd’s

Voor ieder wat wils!

kinderkleding in de maten 56 t/m 176 Dijkstraat 33-35 8801 LS Franeker tel. 0517-394488 www.lytseprotter.nl

Van een benen-op-de-bankboek tot een op-het-puntje-van-je-stoelthriller, van filmhuis tot kaskraker, een tijdschrift of een van de vele kranten, een studie- of managementboek, informatie over tuinieren of een lekker kookboek, de bibliotheek heeft het en meer!

ontdekdebieb.nl


BERNEboeken De traveliers – Yslik aktyf Anny de Jong, Afûk

€ 12,50

10+

Yslik aktyf is ien fan de boeken út de nije searje ‘De Traveliers’. De famylje Travelier reizget de wrâld oer. Mei troch it wurk fan heit foar alderhande projekten yn it bûtenlân, komme Hidde en Fardau op plakken dêr’t it aventoer om ’e hoeke leit. Yslik aktyf is in spannend boek foar bern fan 10 jier ôf.

€ 6,50

Eva’s boek

Eva Walinga (hast 4) giet faak mei har mem Erica nei de biblioteek om leuke printeboeken op te heljen en te kompjûterjen yn de bernehoeke. Om’t sy de lêste

moannen yn in grutte ferbouwing sitten ha, hat mem

Winterwille mei Stip Eric Hill, Afûk

In prachtich boekje om yn dizze tiid fan it jier foar te lêzen oan de alderlytsten. Stip hat mei syn famylje en freonen in protte wille yn ’e snie. Tink om ’e snieballen, pake!

foar Eva ‘Tim op de tegels’ helle.

Heit hat gjin tiid foar Tim, hy moat hurd oan ’t wurk

efter de kompjûter. Tim moat mar eefkes bûten boartsje, ‘maar op de tegels blijven’ warskôget heit. De strjitmakkers slepe de tegels mei de frachtwein nei de haven. De

tegels mei Tim der boppe-op. Syn heit giet him efternei... ‘Ik vind dit het leukste boek’, seit Eva. ‘Ik mag papa ook helpen met knutselen met de vloer. Dan ga ik net als Tim boven op de stapel stenen zitten.’ It is

no de twadde kear dat se dit boek út de biblioteek

€ 9,90 Tomke omkearboekje:

Tomke en Swarte Pyt / Tomke en de krystkrânskes

sjocht Eva hieltyd wer oare dingen dêr’t wy oer prate kinne’, fertelt Erica. De skoech dy’t Tim syn heit

ferliest as er in botsing krijt mei de autopet, de bleate teantsjes fan heit, dat ropt allegear fragen op. “Waar is de schoen dan nu, welke kleur heeft de schoen,

moet hij nu naar de winkel, nieuwe schoenen kopen?” Skoften kinne wy dêr oer prate’, seit Erica. ‘Wy lêze

yn alle gefallen wol twa kear deis. Meastentiids nei it iten en jûns foar it sliepen. In hiel gesellich momint fan rêst.’

Ideaal, sa’n omkearboekje mei twa ferhalen. Yn it Sinteklazeferhaaltsje set Tomke syn skuontsje op. Dy nachts heart Romke wat! Wat soe dat wêze? Spannend! Yn it krystferhaaltsje hingje Tomke, Romke en Kornelia kleurde krânskes yn ’e beam. Dy lykje Romke ek wol lekker ta! In prachtich boekje mei tekst op rym.

€ 13,95

Groep acht aan de macht! Jacques Vriens, Unieboek BV

Tim op de tegels is ek as harkboek yn it Frysk en Nederlânsk beskikber.

Sjoch op: www.levendeboeken.nl Hat jim bern in boek dat hy of sy it alderleafste lêst? Mail in foto (wêrop at dyn bern en do in boek oan it lêzen binne) mei in ferhaaltsje nei ynfo@heitenmem.nl.

7+

Meester Mario kan groep acht geen moment alleen laten, dan is het meteen herrie. Daarom bedenkt hij een plan. ‘Jullie mogen je eigen klassenregering kiezen en twee dagen zelf alles regelen. Ik trek me terug in de leeshoek en bemoei me nergens mee.’ De kinderen richten allerlei partijen op en er barst een felle verkiezingsstrijd los, waarbij zelfs gemene trucjes worden gebruikt om stemmen te winnen. Ondertussen blijft meester Mario rustig in de leeshoek zitten…

Tim op de tegels

Troch Tjibbe Veldkamp, mei yllustraasjes fan Kees de Boer.

2+

Riemkje Pitstra, Afûk

meinommen hawwe. ‘Om’t der allegear lytse

plaatsjes by tekene binne, mei each foar de details,

1+

Tutte mei de linten

Diet Huber, Friese Pers Boekerij

€ 13,95

5-95

Hy is der wer! In soad heiten en memmen en pakes en beppes binne hjir grut mei wurden. Yn 1955 ferskynde de earste printinge. Opslach wie dit boek foar bern fan fiif oant fiifennjoggentich jier in echte klassiker. De humor en boartlikens, de muzikaliteit fan dizze bernefersen en de tiidleaze printsjes meitsje fan dit boek fan Diet Huber (1924-2008) in bliuwend geskink.

21


Namme

Jantina Grijpma - Flapper (25) Wenplak

Jirnsum BEROP

Konsulinte MEE Friesland Relaasje

2 jier troud mei Ricardo Grijpma (33)

Jantina is no 33 wiken en 1 dei yn ferwachting fan har earste berntsje.

22


‘De boarstfieding sil ik net gau opjaan’ ‘Doe’t ik it fermoeden hie dat ik yn ferwachting wie, haw ik wol trije kear in test dien. De earste twa testen wienen elektryske testen, mar dy fertroude ik net. Doe haw ik gau nei de winkel west foar in gewoane goedkeape test en dy joech oan dat ik yn ferwachting wie. Ik tocht, no is it echt sa! Ik hie mei fiif wike it de âlders al ferteld. Efterôf betocht ik my, dat ik it grutte nijs ek wol wat orizjineler fertelle koe mei bygelyks in boekje fan Stip. Mar ik wie fierstente entûsjast, dat dêr haw ik hielendal net oan tocht.’ Hege bloeddruk ‘Mislik haw ik noait echt west, wol wurch. Mei 27 wike hie ik lêst fan in te hege bloeddruk en moast ik ferplicht yn ’e rêst. Dat wie in grutte teloarstelling. Oaren kinne it dochs ek? Wêrom slagget my dat no net? It fielde as falen. Ik wie yn ferwachting mar myn gewoane libben gie gewoan yn syn eigen tempo troch. Mar op in bepaald stuit gong de knop by my om. Ik bin no yn it foarste plak yn ferwachting en dan pas komt de rest.’ ‘Ik woe it leafst thús befalle, mar spitigernôch is dat net mooglik. Ien fan de nieren fan ús berntsje is net goed ûntwikkele. Der sitte kystes yn dy’t it nierweefsel yn beslach nimme: multicystische nierdysplasie. Pas at it berntsje berne is witte wy oft de nier noch goed wurket. Gelokkich wurket de oare nier fan it berntsje wol goed, der is dus gjin reden foar alle te folle noed. Yn it slimste gefal moat de sike nier yn de rin fan de tiid ferwidere wurde. Salang’t de lytse sprút noch yn

myn búk skopt en docht, meitsje ik my net al te drok en genietsje ik folop fan it yn ferwachting wêzen.’ In rilekste mem ‘Ik hoopje dat ik in ridlik rilekste mem wurdt. In blide mem dy’t har bern romte jout, sadat se ek letter altyd wer by my werom komme as der wat is. Ik bin der wis fan dat Ricardo in geweldige en soarchsume heit wurdt, de measte bern binne gek mei him. Mar earst ha we fansels de befalling noch, earlik sein bin ik dêr noch net echt mei dwaande. Ik lit it allegear wol oer my hinne komme. Wol ferwachtsje ik dat it pittich wêze sil en dat it in protte fan je lichem freget, mar fierder lês ik der net allegear boeken oer. Ik ha wol nei swangerskipsgymnastyk west, mar dat wie ek mear foar de gesellichheid. Se kinne je dochs net fertelle hoe’t in befalling fiele sil. Ik tink dat ik op it momint fan de befalling hiel nijsgjirrich wêze sil nei it berntsje. Hoe sil it der út sjen? Wy tinke beide dat it in famke wurdt. Ik hoopje yn elts gefal wol dat it aanst slagje sil mei de boarstfieding. Ik sil it yn alle gefallen net gau opjaan.’

Wolst witte hoe’t de befalling gie en hoe’t de poppe derút sjocht? Gean nei www.heitenmem.nl foar it ferfolchferhaal! Bisto yn ferwachting en wolst ek meidwaan oan dizze rubryk? Mail in foto fan dysels, mei in koart ferhaaltsje nei ynfo@heitenmem.nl.

23


help!  ‘hoe praat ik  Aukje Mulder, tekening Andrea Kruis

over seks  met mijn kind?’

Loverboys, breezersletjes, internet- en webcamcontacten, nietsverhullende clips op MTV. Meer dan ooit is het leven doordrenkt van seksualiteit. Als je wilt dat je kind sterk in zijn schoenen komt te staan, is met elkaar praten over seksualiteit belangrijk. Oók nadat het verhaal over de bloemen en de bijtjes is verteld. Op elke leeftijd en op elk niveau zijn er aanknopingspunten te vinden. Maar wat te doen als je daar niet zo handig in bent?

Niet alle ouders gaat het praten over seksualiteit goed af. Herma Kooke, maatschappelijk werker en gezinstherapeut uit Heerenveen, komt veel volwassenen tegen die zelf streng (christelijk) zijn opgevoed en voor wie seks een taboeonderwerp was: ‘Wie in een dergelijk gezin opgroeit, krijgt niet de ruimte om zelf dingen te ontdekken. Open praten over seksualiteit wordt dan soms lastig, in de relatie tot de partner én in relatie tot de eigen kinderen. Ook spreek ik ouders uit gezinnen waarin de opvoeding heel los was. Zij hebben zelf niet geleerd om

24

grenzen te stellen en weten daar in het contact met hun kinderen ook geen raad mee.’

Het sleutelwoord is contact Jammer ‘Het is zo jammer dat ouders eigenlijk pas aan de bel trekken als het misgaat en als kinderen in de problemen komen. Door bewust bezig te zijn met

seksuele/relationele opvoeding kun je je kind de nodige weerbaarheid meegeven. Dit kun je als ouder doen door te praten met je kind – je kunt aansluiten bij het niveau van elke leeftijdsfase – en door je eigen gedrag in de dagelijkse praktijk. Het sleutelwoord is contact. Als kinderen het gevoel hebben dat ze bij je terecht kunnen als er iets is of als ze vragen hebben, zit je goed.’ Steuntje Voor ouders die een steuntje nodig hebben, geeft Herma Kooke de


Adviezen van Herma Kooke ‘Onze dochter is elf en wil een computer op haar kamer. Ik heb hier geen goed gevoel over maar ik vind het moeilijk om het te verbieden want ik wil niet ouderwets overkomen.’ Herma: ‘Luister naar je gevoel en durf grenzen te stellen. Zet de computer in de huiskamer om contact te houden. Met wie praat ze en welke foto’s laat zij haar vrienden zien? Ook hier is het belangrijk om open vragen te stellen. Wat vindt ze leuk? Stimuleer de ontwikkeling van haar eigen mening door een gesprek over, bijvoorbeeld, de weinig verhullende foto’s die anderen op internet zetten. Wat vindt zij hiervan? Wat kunnen anderen van zulke foto’s denken en welke risico’s brengt dat met zich mee?’

‘Mijn dochter van zes en haar vriendje houden ineens erg van doktertje spelen. Hoe ga ik hiermee om?’ Herma: ‘Alle kinderen worden, in de leeftijd van vier tot zeven jaar, nieuwsgierig naar hun eigen en elkaars lichaam. Schrik hier niet van, maar stel open vragen: vindt je dochter het echt leuk? Doen ze elkaar geen pijn? Er mogen geen dingen gebeuren die één van beiden niet leuk vindt. Houd ook in de gaten dat de kinderen van gelijkwaardige leeftijd zijn en zeg dat ze nergens iets in mogen stoppen.’

‘Ik laat mijn zoontje, omdat hij bezig is zindelijk te worden, vaak in zijn blote billen rondlopen. Maar nu zie ik dat hij regelmatig met zijn piemeltje zit te spelen.’ Herma: ‘Het is heel normaal in deze fase dat een jongetje interesse krijgt voor zijn eigen lichaam. Maar zijn piemeltje betasten in een kamer met meer mensen geeft anderen een ongemakkelijk gevoel. Door te reageren alsof het raar of verboden is, geef je hem een negatieve boodschap mee. Vertel hem dat hij dit best mag doen, maar dan alleen op zijn eigen kamertje of in bad.’ cursus ‘Opgroeien met liefde’. In drie bijeenkomsten komen al die onderwerpen aan bod die iedere ouder in het dagelijks leven tegenkomt: van bezorgdheid over kleuters die doktertje spelen tot conflicten met puberdochters die, schaars gekleed als in een MTV-clip, de stad in gaan of bij vriendjes willen slapen.

grenzen op. Het is goed om je in die seksuele ontwikkeling van een kind te verdiepen. Net zoals het belangrijk is om interesse te tonen in internet- en msn-contacten. Wat gebeurt er op de computer, vraag eens wat Hyves nu precies inhoudt. Als je dat doet vanuit oprechte belangstelling dan is je kind echt bereid om je van alles te vertellen.’

Nieuwsgierig ‘Alle ouders lopen tegen deze dingen aan’, zegt Herma Kooke. ‘Kinderen zijn nieuwsgierig naar zichzelf en zoeken, op iets oudere leeftijd,

Jonge leeftijd Seksuele opvoeding begint al op jonge leeftijd. Het onderwerp ‘relaties en seksualiteit’ zou, de hele basisschoolperiode door, een

regelmatig terugkerend thema moeten zijn. De angst van sommige ouders dat ze hun kind hiermee de prikkel geven om al jong aan seks te gaan doen, is

Durf grenzen te stellen ongegrond. ‘Dit verband is nog nooit aangetoond. Een kind dat van kleins af aan leert zonder schroom met vader of moeder over intieme onderwerpen te praten, is later weerbaar en kan goed zijn eigen keuzes maken.’

25


Bernepraatsjes Hat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei ynfo@heitenmem.nl.

Beweechskaal

Finna (3) mei altiten graach eefkes yn ‘e badkeamer op ’e weachskaal stean. Se betinkt dan sels in getal en sa swier is se dan. Mar doe fûn se by ús yn de garaazje in lyts stepsapparaat. Finna gong der op stean, beweegde mei har fuotten wat hinne en wer en sei doe tsjin my: ‘Mem, dit is in beweechskaal!’

Judo Hidde (4) woe graach op judo. Doe’t mem nei syn earste les freegje hoe’t er it fûn sei Hidde: ‘Mem, ik fyn der neat oan, se goaie my hieltyd om!’

Fakânsje As mem Nynke (10) jûns op bêd freget oft Nynke op har earste skoaldei ek oer har fakânsje nei Itaalje ferteld hat, seit Nynke: ‘Nee mem, want ik koe my der neat mear fan herinnerje!’

Tiemesizzer Hjoed sei ús Tieme (3) wat hiel tûks (fyn ik as grutske mem). Beppe sei tsjin Tieme: ‘Do bist myn beppesizzer, want do seist beppe tsjin my’. Tieme reagearre werom: ‘Dan is beppe in Tiemeprater want beppe seit Tieme tsjin my!’

Gjin memmedei

De moandei nei memmedei hie Teake Cees (5) swimles. Ik soe him helpe mei it útklaaien, mar hy die sels hielendal neat. Doe’t ik frege oft er sels ek even meiwurkje woe, sei Teake Cees: ‘Ja hallo, it is gjin memmedei mear!’

Vliegende haan Sjoerd (4) is aan het voetballen met zijn zussen en zijn vader. Wanneer zijn zus Zwanet zegt dat ze vliegende kiep (vliegende keeper) is, zegt Sjoerd: ‘dan bin ik vliegende haan!’

Mie-kompjûter

Us âldste famke (9) iet fleis mei Italiaanske riedbakgriente, dêr’t ûnder oare taugee yn sit. Dan merkt har heit op dat de taugee wol op mie liket. Dochter sjocht ferbaasd op en freget: ‘wat is dat foar kompjûter heit? (wii)’

Peuterschool Onze zoon Allard (4) zat aan de eettafel en zei plotseling: ‘Mag je op de peuterschool in je neus peuteren?’

26


heit en mem boEken Ik, Anna

€ 15,00

Lida Dykstra, Afûk

Ik, Anna is in relaas oer twa jonge minsken – sy skeind troch pokken en oergewicht, hy misfoarme troch in fergroeide rêchbonke – dy’t it slagget om fan in ferstânshoulik in leafdeshoulik te meitsjen. Lida Dykstra, oant no ta bekend as skriuwster fan berneboeken, jout mei dizze histoaryske roman in prachtich byld fan it hoflibben en de politike yntriizjes yn de 18de ieu.

Ut ’e boekekast fan Jack Thibaudier

Ien fan de moaiste boeken út Jack Thibaudier’s boekekast is Publieke werken van Thomas Rosenboom. Jack hat in ymposante boekekast yn ’e hûs. Alle boeken dy’t er lêst wol er ek sels ha. ‘Boeken fuort dwaan, dat kin ik net. Dat docht sear.’ Meastentiids lêst er de boeken mear as ien kear. ‘Somtiden wolst it boek de earste kear hiel fluch lêze omdatst graach nei de ein tawolst. De twadde kear kinst it op dyn gemak nochris lêze om sa noch mear te genietsjen fan it ferhaal en de moaie wurdkar’. Yn it boek Publieke werken binne it de poëtyske folsinnen dy’t Jack oansprekke. ‘De skriuwer beskriuwt in detail mei in omhaal fan wurden, prachtich fyn ik dat. It ferhaal is traach skreaun mei dichterlike byldspraak’. In oar aspekt wat him tige oansprekt is de histoarje. ‘Skiednis yn ferhaalfoarm sprekt ta de ferbylding. Stekst op in hiele oangename manier in soad op fan in bepaalde perioade.’ It boek Publieke werken spilet yn 1888. De Amsterdamske fioelebouwer Walter Vedder lêst yn de krante dat it NV Victorie Hotel boud wurdt op it plak fan syn hûs. Hy sjocht in kâns om gau ryk te wurden. Syn neef, de apteker Anijs yn Hoogeveen beslút it oer in oare boech te goaien en rjochtet him op de earmoede yn de mienskip fan turfstekkers. It jild dat hy nedich hat om de turfstekkers better te húsfesten bringt de twa neven byinoar. It ferhaal is ynspirearre troch de twa húskes dy’t no noch te sjen binne yn de gevel fan it Amsterdamske Victoria Hotel en troch de biografy fan de Hoogeveenske apteker Radijs.

Publieke werken

Bollman en Bollman Marga Claus, Afûk

De skriuwster fertelt op yntime wize oer in man mei in grut geheim. As Yasper Bollman yn de syktewet bedarret en alle tiid hat om nei te tinken, spylje âlde fragen op dêr’t er mar gjin antwurd op krijt. In oangripend ferhaal oer travesty.

Groot worden ze toch wel

Nijste titel fan dizze auteur: Zoete mond

€ 19,95

Toef Jaeger en Viola Lindner, Uitgeverij Contact

Wanneer vaders er nu vaker voor hun kinderen zijn: welke consequenties heeft dat dan? Worden kinderen daar ook leuker of beter van? En hoe is het voor vrouwen die fulltime werken en hun kinderen hun eerste pasjes zien doen via de webcam? In Groot worden ze toch wel zijn veel verhalen verzameld en in perspectief geplaatst. Ongeacht of het nu om de bewust ongehuwde vader, thuisblijfmoeder, ploetermoeder of de tv-nanny gaat - ze komen allemaal aan bod.

Zoete mond

€ 15,90

Thomas Rosenboom, Em. Querido’s Uitgeverij Hy is der wer! In soad heiten en memmen en pakes en beppes binne hjir grut mei wurden. Yn 1955 ferskynde de earste printinge. Opslach wie dit boek foar bern fan fiif oant fiifennjoggentich jier in echte klassiker. De humor en boartlikens, de muzikaliteit fan dizze bernefersen en de tiidleaze printsjes meitsje fan dit boek fan Diet Huber (1924-2008) in bliuwend geskink.

Thomas Rosenboom

(yn 2000 winner fan de Libris Literatuur Prijs).

€ 22,50

It piipjen fan de proai

€ 17,50

Sjoerd Bottema, Afûk Hasto ek in boek wat ast hiel moai fynst? Mail dan in foto fan dy en dyn boek mei in ferhaaltsje nei ynfo@heitenmem.nl.

Bontsje wol patat mei mayonêze en in bearelul. Har stribjen stiet model foar de ferhalen yn dizze bondel: oer de pynlike humor fan it bestean. In boek mei alve prachtige ferhalen en in protte humor.

27


28


Aukje Mulder

epilepsie ‘een rotziekte’

Ze is zes jaar, lief en mooi. Een altijd vrolijk meisje met boevenstreken net als ieder ander kind. En toch is ze anders dan anderen. Suzanne Efdé uit Leeuwarden heeft een moeilijk instelbare vorm van epilepsie. Ondanks medicijnen krijgt zij vele aanvallen per week. Wat dit voor haarzelf en voor het gezin betekent, vertelt haar moeder Petra. 29


‘Suzanne lacht en geniet, ondanks alles’

Het is een bijzondere nacht geweest. Suzanne had geen aanvallen. ‘Toch schrik je als je wakker wordt. Heb ik haar niet gehoord? Ademt ze nog? Vanuit onze slaapkamer hebben we zicht op haar bed. Het is meestal elke nacht een aantal keren raak. Gisternacht had ze twaalf aanvallen. Toch stapt Suzanne meestal, ondanks haar gebroken nachten, ’s ochtends weer vrolijk in de bus naar school. Ze is zo’n doorzetter.’ Suzanne zit op school Lyndensteyn in Beetsterzwaag vanwege haar epilepsie en omdat ze ook een achterstand heeft in ontwikkeling en slechthorend is aan haar rechteroor. ‘Ze krijgt op deze school een programma dat bij haar aansluit, compleet met logo-, fysioen muziektherapie en zwemles. Een bijzondere school, ze is er helemaal op haar plek. De mensen werken er met bezieling.’

 et sneed H me dwars door m’n ziel Bezorgdheid Petra en Wilco Efdé hadden al twee jongens, Remco van elf en Ezra van zeven, toen Suzanne werd geboren. ‘Ook nog een meisje, wat een rijkdom.’ Maar in plaats van een roze wolk was er direct bezorgdheid na de geboorte. ‘Suus haar

30

rechteroortje was onderontwikkeld. Dit kon onderdeel zijn van een complexere aandoening en dus werd ze grondig onderzocht in het ziekenhuis. Maar iets aantoonbaars kwam er niet uit.’ ‘Overdag merkte je niets aan haar, ze was altijd vrolijk en lief. ’s Nachts huilde ze veel en sliep ze het liefste op mijn buik of in mijn armen. Ook had ze vaak oorontsteking. Ze liep later dan gemiddeld en praatte nasaal. Toch maakte ik me niet al te veel zorgen. Ieder kind ontwikkelt zich in zijn eigen tempo – dacht ik. Toen ze eenmaal liep, viel ze wel ontzettend vaak en “fladderde” met de beentjes.’ Heftige aanval Die verkrampingen werden steeds erger, alsof ze angstig was en bang om te vallen. De ouders noemden het aanvallen maar konden de vinger er niet op leggen wat het was. Tot Suzanne eens een heftige aanval kreeg. ‘De blik in haar ogen vergeet ik nooit meer. Ik herkende het van een jongen met epilepsie uit mijn klas.’ Een EEG in het ziekenhuis wees uit dat het inderdaad epilepsie was. Ze kreeg medicijnen, maar ging steeds verder achteruit en lag regelmatig in het ziekenhuis. Drie jaar geleden werd Suzanne opgenomen bij de Stichting Epilepsie Instellingen Nederland (SEIN) in Zwolle. Een week werd drie maanden en nog was de epilepsie niet stabiel. Een tweede opname volgde, toen zelfs voor negen maanden. ‘Het team in Zwolle is

geweldig. Zij hebben ons geholpen een weg te vinden bij het omgaan met deze ziekte. Want nog steeds heeft ze grote en kleine aanvallen, vooral ’s nachts. Haar lichaam verstijft, haar armen en benen schokken en haar ogen zijn wijd open. Daarna een zucht en dan huilt ze even. En je kunt niets doen, enkel troosten en


‘We weten niet wat haar verder nog te wachten staat. “Je moet het accepteren”, zei iemand tegen me. Maar hoe? We houden van haar, net zoveel als van onze andere kinderen. Maar accepteren dat ze met deze ziekte moet leven, is niet makkelijk. “Soms moet je als moeder een veer laten, of meerdere”, zei iemand,

Het team in Zwolle is geweldig toen Suus in de kliniek zat. Het sneed me dwars door m’n ziel. Zo iemand heeft geen idee. Elke vrijdag was het een feest om haar op te halen en elke zondag bracht ik haar huilend weg. Ik heb enorm veel respect voor onze zoons. Ze houden zich goed en helpen waar nodig. Het is niet makkelijk voor ze, veel aandacht gaat uit naar Suzanne. Er moet altijd iemand bij haar in de buurt blijven om haar in de gaten te houden. Als het soms misgaat, is het weleens hectisch.’

er zijn. Het snijdt je dwars door je ziel om je kind zo te zien.’ Helm Bij het buiten spelen draagt Suzanne een helm. ‘Daar heb ik echt naartoe moeten groeien’, zegt Petra. Ze kan er bijna weer geëmotioneerd van raken. ‘Haar

aandoening wordt daardoor zo zichtbaar hè. Maar het moest wel. Ze klapte hier vlak voor de deur een keer keihard achterover. Dat beeld blijft je bij. Het was kiezen uit twee kwaden. Probleem is dat haar hoofd sneller warm wordt onder de helm. Daardoor raakt ze vermoeid, met meer kans op aanvallen.’

Hoe het verder zal gaan met Suzanne? Nieuwe medicijnen? Een operatie? Of misschien een klein medisch wonder? ‘We weten het niet. Maar Suzanne lacht en geniet, ondanks alles. Een vriend zei ooit: “Het is toch gek dat ze mensen naar de maan kunnen sturen en jullie dochter niet beter kunnen maken.” En zo is het. Het is een rotziekte met - letterlijk - vallen en opstaan.’

31


Kom nei

!

De Geheime Tún in mearkeëftige ûnderfining fol kleuren en geheimen antyk m o r re bitte n e m s l Hichtu bikke n a r v e e o k haal an Nyn er In fer nei wurk f o/m 30 desimb 15

Mei Jan Arendz, Hilbert Dijkstra, Marijke Geertsma, Tamara Schoppert, Peter Sijbenga, Lysbeth Welling, Lianne Zandstra en 19 jonge spilers van de JTS. Kaarten: (058) 233 02 33 of www.harmonie.nl In ko-produksje fan Tryater, Jeugdtheaterschool/’n Meeuw en Stadsschouwburg De Harmonie.

16 oktober 2009 oant en mei 7 maart 2010

w w w. n a t u u r m u s e u m f r y s l a n . n l


Lekker waarm!

FOAR DE LYTSE POPPE

Ek de lytse poppen moatte waarm de winter troch. Dit hippe babypakje is fan Molo en foar € 41, 95 te bestellen fia www.kidenkiki.nl

VOETJES IN VILT

Deze traditionele Mongoolse kinderslofjes zijn gemaakt van vilt. Warm, duurzaam en leuk! De slofjes zijn verkrijgbaar in maat 22 t/m 26 in diverse kleuren en sluitingen. Voor € 15,00 verkrijgbaar via www.shinesgii.nl

HIP HOEDJE

Het ontwerp van dit kindermutsje is gebaseerd op ideeën uit de jaren ’30, ’40 en ’50. Hij is met de hand gemaakt en vervaardigd uit 100% wol. In verschillende kleuren leverbaar. Voor € 40,95 te bestellen via www.studiopam.nl

KLEURICH BREIDE KNUFFEL, KESSEN EN TEKKEN

Dizze leave knuffeliisbear kin feroarje yn in sêft kessentsje of in waarm tekkentsje. Handich foar ûnderweis en gesellich foar op de sliepkeamer. Foar € 48,95 te bestellen fia www.diezijn4kids.nl (Ek yn oare bisten te krijen.)

Breide klean fan it merk Mim-Pi. Kleurich én lekker waarm! Under oare te krijen by Lytse Protter yn Frjentsjer: www.lytseprotter.nl Jurkje € 69,95 Sjaal € 29,95

Pet € 29,95 Rokje € 49,95

33


www.specsavers.nl

DE FRIESLAND VERZEKERDEN

HEBBEN BIJ SPECSAVERS SERIEUS VOORDEEL!

20%

Bent u verzekerd bij De Friesland dan kunt u bij Specsavers profiteren van extra voordeel. Op monturen vanaf €99 inclusief gratis standaard PENTAX enkelvoudige glazen krijgt u 20% korting boven op de eventuele vergoeding van De Friesland. Deze 20% korting krijgt u ook als u alleen een basisverzekering heeft zonder aanvullende verzekering.

GRATIS DRAADLOOS TV-HOORSYSTEEM

T.W.V.

€179,55

BIJ AANSCHAF VAN EEN HOORTOESTEL*

KORTING

OP EEN MONTUUR *

Naast het voordeel op brillen geeft Specsavers bij aankoop van ieder hoortoestel per klant een gratis draadloos tv-hoorsysteem ter waarde van €179,55 cadeau. Met dit complete systeem inclusief zender, kinbeugelontvanger, 2 accu’s, netadapter en audiokabel kunt u ongestoord televisie kijken, geen discussies meer mogelijk!

Bij Specsavers worden uw ogen en oren uitsluitend getest door professionele MBO-gediplomeerde opticiens en audiciens of HBO optometristen. Bij Specsavers nemen wij u en uw portemonnee serieus. Ga toch meteen naar Specsavers. UW VESTIGING! Specsavers Leeuwarden Nieuwestad 52 (naast Wibra) 058 216 2846 Specsavers Drachten Noorderbuurt 33 (naast Primafoon) 0512 549 798 Specsavers Emmeloord Lange Nering 92 (naast Boekhandel Marsman) 0527 620 950 Specsavers Heerenveen Dracht 83 (naast Overdiep Herenmode) 0513 620 666 * Geldig tot 31 december 2009. Voor het tv-hoorsysteem geldt zolang de voorraad strekt en maximaal 1 tv-hoorsysteem per persoon. Dit is een unieke aanbieding van Specsavers, niet in samenwerking met De Friesland. Niet in combinatie met andere acties, vraag naar de voorwaarden. © 2009 Specsavers Optical Group. All rights reserved.

_025FN_2350.301 De Friesland_Ad_FC_230x297.indd 1

10/1/09 5:35:18 PM


IT FEEST FAN KRYSTTIID BAUKJE WYTSMA

Fleurich Krystfeest, Frohe Weihnachten, Merry Christmas, Joyeux Noël, Prettige Kerstdagen. It is al wer hast safier. Op 21 desimber is de âlde tradysje om de krystdagen hinne fan it Sint-Tomaslieden yn Fryslân wer begûn. Oant Nijjiersdei struie de grutte en de lytse klokken fan de klokkestuollen ritmysk de fertroude klanken oer it gea, in âld gebrûk om de kweade geasten te ferjeien. Yn kristlike rûnten meitsje minsken har klear om de berte fan Jezus te fieren, foar in soad ynwenners op de wrâld it belangrykste feest fan it jier. Opnij wurdt it krystferhaal ferteld en âlde en nije krystlieten wurde songen. Mannich koar hat faak al wiken yn it spier west om alles yn te studearjen foar it echte krystfeest. Troch de finsters fan in grut tal tsjerken yn de Fryske stêden en op it plattelân is al fan fierren it ljocht fan de krystbeam te sjen. De earste besikers rinne de Broeretsjerke fan Boalsert yn om dêr ûnder it hege glêzen dak de ynfâld fan de libbene kryststâl te belibjen. De ezel rint syn rûntsjes en lit al dy belangstelling mar wat oer him hinnekomme. Yn de finsterbanken fan mannich hûs pronket yn dy tiid steefêst de euphorbia pulcherrima, de krystroas.

Ek al hat de kommersje mei allerhande toeters en bellen him massaal op dit feest stoart mei krystpakketten en tûzenen oare aanverwante artikelen yn alle soarten en maten, gelokkich kin elk op syn/har eigen wize dy dagen trochbringe sa’t er dat sels wol. Der binne minsken dy’t foar it lûdroftige bombaarje fan de grôtfolle

feestetalaazjes op de flecht slaan en yn in húske op de heide lekker in boek lêze. Oaren lykwols, de measten, fiere de krystdagen yn famyljerûnten, al of net mei in pakje ûnder de krystbeam en lekker iten yn in feestlike romte fan sfearfolle krystdekoraasjes thús of yn in restaurant. Hoe belibje bern dizze feestdagen? Om krysttiid te fieren moatte se fansels earst wol witte wat it feest betsjut. Yn de biblioteken binne in soad berneboeken oer krysttiid te finen, faak prachtige printeboeken dy’t it krystferhaal oer Jozef en Maria en de berte fan Jezus hiel moai yn byld bringe. Bern komme dan faak mei fragen dêrst fersteld fan stiest. Doe’t wy, mei ús doe noch hiel jonge bern, yn it bûtenlân wennen, frege de âldste nei oanlieding fan in krystferhaal: “Wennet God yn Hollân?” Ik wit net mear wat ik doe sein ha, mar ik hoopje dat it wat posityfs wie. Wat ik wol wit, is dat wy alle jierren omraak oan it wurk wiene mei it fersieren fan de krystbeam. It wie fansels al in hiele toer om sa’n beam, mei of sûnder klute, moai rjochtop yn in hoeke fan de keamer te krijen. Dan koene de doazen mei fersiersels fan de souder komme. En fersiere, wa kin dat better as bern? De beam waard wat langer wat moaier, klokjes, ballen, bellen, ingelehier en soms ek mei echte kearskes, mar dan wol mei in amer wetter yn hânberik. As it klear wie, lang om let hielendal klear, sieten wy der noch efkes mei mekoar nei te sjen. En alle jierren wer seine wy: “Sa moai as dit jier hat de beam noch noait west. Echt wier!”

35


Karen Bies wurket by Omrop Fryslân, is troud mei Maarten en is mem fan Pim (14), Fieke (8) en Hans (6).

‘Wij lopen op de maan’ ‘Kijk, de maan is net een lachend gezichtje’, seit Fieke achter my. Ik sjoch gau even oerside. Ja, de blauwe kraters tekenje in leave mûle en skeane eachjes. We ride oer de A7 werom nei hûs. Yn it easten hinget de folle moanne deastil tsjin in rôze loft, beljochte troch de ûndergeande sinne. Even letter komt Hans: ‘Mem, zien alle mensen boven de evenaar nu de maan?’ Pas as we thús binne ha ’k betocht wat it goeie antwurd is. Galileo hie oan my in makky hân. Us nije flier hat ek de kleur fan de moanne, griiswyt linoleum mei blauwe ierkes. Fieke dûnset troch de keamer: ‘Wij lopen op de maan!’ Fan ’t simmer sieten we mei ús allen nei it jubileum fan de earste moannelâning te sjen. Neil Armstrong dy’t by it gammele trepke fan de Eagle del stroffelsweeft. Filme troch in wibelige Buzz Aldrin, dy’t it ôfstapke fiif minuten letter nimt. It skynt dat elkenien fjirtich jier lyn fan bêd kaam om dat wrâldwûnder yn swart-wyt live mei te meitsjen. Sels wie ik in jier âld mar ik tink dat se my yn myn ledikantsje lizze litten ha. No sjoch ik de man yn it wite pak mei in dikke rêchsek om en in helm op. ‘It’s one small step for man... (kchrrrks) one giant leap for mankind.’ Wêr is de Amerikaanske flagge, freegje ik my ôf. Leit noch oprôle achter yn de Apollo seker. Neil sil Buzz wol weromstjoerd ha om dat ding te heljen. Earme man, Buzz Aldrin, altyd de nûmer twa bleaun. O, dêr stiet de flagge al. En it waait ek op de moanne! Fieke en Hans sitte der op ’e bank mei grutte eagen nei te sjen. Mar dat dogge se ek nei Spongebob of Gerrit Hiemstra. Se lêze Suske & Wiske dus wat soe dat, sa’n romtereis. Ik bin in drammerige mem dy’t de bern histoarysk besef bybringe wol. Lês har foar út ‘Lang geleden’, in boek mei de hiele heitelânske skiednis yn bernetaal. Se snappe dat oma en beppe de wettersneedramp fan ’53 wol meimakke ha, mar heit en mem net. ‘Gelukkig waren jullie toen nog overleden!’ Nei in kristlike skoalle geane se net, mar se witte wol it ferskil tusken God en Goliath. ‘Kun je ook in Goliath geloven?’ Ja hoor. Op dy wize dus. Se dûnsje noch in kear oer de flier en dogge Buzz nei, dy’t stroffelet oer in moannestien. De jûns as ik se op bêd bring, begjin ik der wer oer. Hans tinkt oan Neil. ‘Mem, durfde hij alles?’ Nou, wel heel veel denk ik. Hy sjocht nei it plafond. ‘Ik durf al heel hoog op de vogelnestjeschommel.’ Echt? A small step for mankind, mar ik jou him in dikke nachttút.

36


In dvd oer meartalich grutbringen ‘Talen kleurje dyn libben’ is de titel fan de nijste dvd over meartaligens. Op dy dvd fertelle âlders hoe’t sy oer meartalich opfieden tinke en hoe’t sy thús sels mei talen omgeane. Ek komt der in deskundige oan it wurd; dy fertelt hoe’t it echt sit mei meartaligens. Nijsgjirrich? Freegje der nei by it pjutteboartersplak of it bernedeiferbliuw by jo yn de buert.

Bedplassen Ruim 15% van alle zesjarigen en 5% van de tienjarigen zijn ’s nachts nog niet droog. In elke groep 7 zijn dat gemiddeld 4 kinderen. Bedplassen komt bij jongens twee keer zo veel voor als bij meisjes. Van bijna de helft van de bedplassers is de ouder ook bedplasser geweest. Bron: www.bedplassen.org

BERN Fryske ferskes foar Sinteklaas In prachtige cd fol mei besteande èn nije Fryske ferskes fan ûnder oaren Piter Wilkens, MC Remon en Gurbe Douwstra. Under mear te bestellen fia www.warberfryslan.nl. € 10,-

Euregua! Wat witsto eins oer minderheidstalen yn Europa? Om dêr op in boartlike wize mear oer te learen is der it spultsje EUREGUA! It is in selskipsspultsje foar bern fan 12 jier ôf èn fansels foar heiten en memmen. Sjoch foar mear ynformaasje op www.euregua.com

Vitamine C

Poesyalbum.nl

Hebben de kinderen de griep? Vitamine C, het bekendste middel tegen griep, helpt niet. Het helpt je weerstand te verhogen als je nog geen griep hebt, maar als je eenmaal ziek bent, zul je er niet sneller door beter worden. Wat wel helpt is gewoon lekker onder de wol uitzieken. Bron: www.gezondheidsplein.nl

It komt net sa faak mear foar, mar sa no en dan krijt men nochris in poesyalbum ûnder de noas skood. Witte jo net wat jo skriuwe moatte? Op www.poesyalbum.nl steane mear as 150 Fryske poesyalbumferskes.

37


Arjanne Nijp

Ynte is wiis mei syn bril As lytse poppe sliepte Ynte (no 3) in hiel soad. As er wol wekker wie giene syn eachjes hiel fluch hinne en wer. By de ortoptist die bliken dat er in frij hege plussterkte hie, en in silinderôfwiking. En sa krige Ynte al mei 11 moanne in briltsje.

‘Der binne al wol briltsjes foar sokke jonge bern, mar as se wat grutter wurde is der folle mear keus’, fertelt Ynte syn mem, Nienke Kroes fan Aldehaske. Se wurket sels as optisien op ’e Jouwer, en dus wie foar har de stap nei in briltsje foar har jonkje net sa grut. Dochs hat se wol even twifele. ‘Ik wie bang dat de bril him yn it paad sitte soe. En as se sa jong binne ha se der faak noch gjin lêst fan as se minder goed sjogge. Mar Ynte wie sa skruten. Hy doarde net safolle en siet faak mar wat yn in hoekje ferdwaasd om him hinne te sjen.’ Fuort doe’t er syn bril op hie, begûn Ynte te krûpen. ‘Syn eachjes trillen net mear, en nei in wike wie er ek fan it moarnssliepke ôf.’ Om’t Nienke sels optisien is, hie se frij gau yn ‘e gaten dat Ynte minder goed seach. ‘By it konsultaasjeburo makken se der earst net in soad

38

fan. Se tochten dat ik my wat te bot soargen makke, fanwegen myn wurk.’ Mar fan de húsdokter krige se wol in trochferwizing foar de ortoptist. Dy is der spesjaal foar bern oant tolve jier; in optisien mei offisjeel gjin

 y bern kin it sicht B wol ferbetterje mjittings dwaan oant dy leeftyd. ‘Bij hele jonge kinderen, die nog niet kunnen praten, testen we het zicht met zwart-wit streepjes op een grijs bord. Die streepjes gaan van links naar rechts, en worden steeds smaller. Aan de oogbeweging merken we wat het kindje nog kan zien. En we kijken ook naar de reactie op speeltjes en lichtjes’, fertelt Jannemiek Brandsema, Ynte syn

ortoptist yn sikehûs De Tjongerschans op It Hearrenfean. Brandsema konstatearre by Ynte in plussterkte fan 5,5 en in silinderôfwiking fan 3. ‘Hy seach dus dingen ticht by him minder goed, en hy seach alles skeef. Syn eachjes trillen ek, om’t er hieltyd ynstelbewegings meitsje moast’, seit mem Nienke. By bern kin it sicht wol ferbetterje, se kinne der ‘oerhinne groeie’. Yn Ynte syn moaie donkerreade briltsje (syn tredde yntusken) sitte no glêzen fan plus 4, en hy hat no noch in silinderôfwiking fan 2,5. Mar dat lêste, dêr komt er net wer ôf, neffens syn mem. Mei 3 jier krije alle bern op it konsultaasjeburo in eagetest. As de resultaten dêr net goed binne, wurde se trochferwiisd nei de ortoptist. Dy brûkt eachdripkes, dy’t de lins ferlamje


en de pupil wiid meitsje. Brandsema: ‘Dan kunnen we met een speciaal apparaat meten wat het zicht is zonder inspanning. En omdat de pupil dan wijd open is, kunnen we ook goed het netvlies, de bloedvaten en de zenuwen bekijken.’ De bern sjogge dan wol in skoftsje wazich, mar dat is meastal nei 4 oeren wol oer. Twa oeren deis moat Ynte ien fan syn eagen ôfplakke mei in pleister. ‘Ynte hat pleisters mei auto’s, donderwolkjes en krokodillen’, fertelt mem Nienke. Dat ôfplakken moat as ien fan de eagen achterbliuwt yn de ûntwikkeling: in lui each. Dat komt bygelyks troch skeel sjen, of troch in ferskil yn sterkte. Troch it ôf te plakken wurdt it luie each stimulearre om him te ûntwikkeljen. Net allinnich de pleisters, ek de briltsjes sels wurde sa oantreklik

mooglik makke foar bern. ‘Foaral foar famkes binne der in hiele protte moaie briltsjes’, fertelt Nienke Kroes. Yn de brillesaak op ‘e Jouwer lûkt se in pear laden iepen om se sjen te litten. Rôs mei pears, giel mei grien, stipkes, blomkes, der is fan alles. ‘By bernebrillen moatte je der foaral om tinke dat se goed stevich binne, en fearjende skarnieren binne ek handich. Bern meie ommers graach stoeie,

Gedrach dat wize kin op minder goed sjen • Ticht op ‘e tillevyzje of in boekje sitte • De eagen tichtknipe om yn ‘e fierte wat sjen te kinnen • Muoite mei lêzen • Faak stroffelje of falle • Pineholle, wurgens en/of seare eagen oan ’e ein fan de dei

en geane der wat rûger mei om as folwoeksenen’, advisearret Kroes. ‘Ek moat der genôch romte wêze by de poatsjes achter de earen. Om’t bern hurd groeie moatte dy geregeld bysteld wurde.’ Fan wjerstân by bern tsjin in bril fernimt se yn de saak net safolle. ‘It hinget ek nochal fan de hâlding fan de âlders ôf. As dy it hiel gewoan fine, sil it bern der ek gjin problemen mei hawwe.’ Ek ortoptist Brandsema komt net in soad ferset tsjin. ‘Voor jonge kinderen is het soms wel eng, hun wereldje wordt plotseling veel groter. Maar de meesten merken snel dat het ze helpt, en dan vinden ze het alleen maar fijn.’ Dat jildt ek foar Ynte. Hy set syn bril hast noait ôf. Allinnich foar de grutte laskbril dy’t er tusken it boartersguod yn de brillesaak fynt. Want dy is fansels wol hiel stoer!

39


itensiede mei bern Delftsk blau en rôs

Dit hippe skelkje fan Cool Cooking is basearre op de bekende Hollânske Delftskblauwe tegeltsjes. It skelkje is geskikt foar bern fan 2 oant 7 jier en is der ek foar folwoeksenen. Foar € 12,95 te bestellen fia www.kinderdiner.nl

Stipjes!

Doe de samba!

Kookwekker Samba, van Pylones, is niet zomaar een kookwekker want hij danst en zingt de Samba. Een eitje koken is nog nooit zo leuk geweest! Voor € 24,95 te bestellen via www.kadoomdehoek.nl

Giest mei dyn bern de keuken yn? Sjoch dan foar lekkere resepten op: • www.123aantafel.be • www.pinkelotje.nl • www.simpelkoken.nl/kinderen • www.speelzolder.nl/koken • www.kids-start.nl/koken • www.kidcity.be

In tosty bakke, in koekekluts, perziksjeek, kletskopkes of flappe tappe. Itensiede is gjin keunst mear foar bern, mei tank oan it nije ‘Ytboekje’ fan Wieke de Haan: it earste Fryske itensiedersboekje foar bern. Wy jouwe de jonge koks alfêst in foarpriuwke, wêrmei’t sy èn de heiten en memmen genietsje kinne fan in hearlike fanyljepudding.

40

Het wordt vrolijk aan tafel met deze borden met stipjes. De borden zijn gemaakt van melamine en fijn afgewerkt met een dun rood randje. Voor € 5,40 per stuk te bestellen via www. kleinezebra.nl

Itensark om mei te boartsjen

It iten wurdt mei dit bestek in feestje. Nea wer in mes, foarke of leppel kwyt. Klik se opelkoar en it setsje is kompleet! Foar € 18,50 te bestellen fia www.gadgetfabriek.nl


winterknutsels Smulketting foar de fûgels

Keapje yn ’e supermerk in pûde doppinda’s dy’t net brând binne. Knip sa’n 80 sm katoentried ôf en lis der oan ’e iene kant in lus yn foar it ophingjen. Oan ’e oare kant hellest de tried troch it each fan in grutte nulle. Asto mei de nulle presys tusken de pinda’s troch prikst, wol it samar! (Kinst ek in ketting riuwe fan kastanjes, mar dan moat heit of mem mei in lyts boarke eefkes in gatsje boarje yn de kastanjes.)

Túnmantsje

Rôlje de klaai út oant sa’n 3 mm dik. Meitsje in moaie sirkel mei help fan in foarm (in pantsje of in komke wol goed). Rôlje de sirkel ta in ‘patatpûdsje’ en stryk de klaai oan inoar fêst mei in bytsje wetter. Mei in sateeprikker kinst in gesicht meitsje. As de klaai droech is, kinst it túnmantsje in dei letter ek noch moai opfervje.

Fingerpopkes

Lûk dyn finger om op in stik papier. Knip ’m twa kear út mei in ‘seaame’ fan 1,5 sm. Plak de rantsjes fêst mei lym en fersier dyn popke mei papier, stof, glimmerkes, ensfh. Yn stee fan op papier kinst it patroantsje ek op stof lizze, mei in triedsje fêstnaaie en fersiere.

Winterdrank sitroenkwast

Parsje in sitroen út en doch it sop yn in beker. In flinke skep huning derby en siedend wetter opjitte. Lekker ast ferkâlden bist! Mar ek by it knutseljen.

Kearsfet

Nim in wite kears, stek ’m oan en meitsje dripkes op in stik papier. De bern kinne no in leuke tekening mei wetterferve meitsje; in poddestoel mei wite stippen of in sniebui binne hiel geskikt. Wêr’t it kearsfet sit wol de ferve net hâlde en bliuwt it dus wyt.

Kleedsjes knippe

Kinst út papier hele mooie kleedsjes knippe dy’t krekt op in snieflok lykje. Probearje ek ris in rûn kleedsje trijedûbel te tearen. Swart-wyt jout in hiel moai effekt. Wol it allegear net slagje, dan kinst dyn eigen snieflok meitsje op http://snowflakes.lookandfeel.com

41


Tjalling de Vries (1959) is sinds 1991 algemeen kinderarts in het Medisch Centrum Leeuwarden. Hij is getrouwd en vader van drie kinderen: Fedde (1991), Marga (1995) en Anne (1998).

Spoed! De telefoon gaat: ‘We gaan met spoed een keizersnee doen! Een voldragen kind met een te trage hartslag!’ Ik loop vlug naar de operatiekamers. Voor me holt de kraamverpleegkundige met moeder in het bed, een man helpt haar duwen. We komen tegelijk aan in de hal van het operatiecomplex. Vlug trek ik een jas over mijn kleren en zet een muts op. Intussen haalt de narcotiseur de moeder op. Met de aanstaande vader en de verpleegkundige ga ik naar de voorbereidingsruimte van de operatiekamer en we binden de mondlapjes voor. De verpleegkundige helpt de vader daarbij, hij is nerveus en trilt helemaal. Door het raampje zien we moeder voorovergebogen zitten terwijl de narcotiseur een ruggenprik geeft. Ik leg de vader uit dat de baby in een slechte conditie is, de trage hartslag en het wegvallen ervan zijn daar tekenen van. Als zo’n situatie te lang duurt, kan het kind beschadigd raken en zelfs overlijden. ‘Als uw kind na de geboorte meteen huilt, is dat een goed teken, dan hoef ik niets te doen. Het kan ook zo zijn dat uw kind slap en bleek is, dat betekent dat de conditie erg slecht is, dan moet ik veel doen. Het komt hierop neer: hoe minder ik hoef te doen, hoe beter het is.’ De vader knikt zwijgend en we lopen de operatiekamer in. De vrouw is inmiddels steriel afgedekt en de gynaecoloog begint met de keizersnee. Het is 14 minuten over 11. Nog geen drie minuten later wordt de baby geboren: hij is slap en bleek en ademt niet. De verpleegkundige legt hem op de opvangtafel, droogt hem af en doet hem een mutsje op tegen warmteverlies. Intussen luister ik naar de longen en het hart: de hartslag is te traag en er is geen ademhaling: ik moet hard aan het werk. Met masker en beademingsballon geef ik vijf ademteugen om het vruchtwater uit de longen te persen en luister weer: trage hartslag, geen ademhaling. Vervolgens beadem ik het nog steeds bleke en slappe kind. Na een minuut hoor ik de hartslag zachtjes, maar snel genoeg. Het kind ademt zelf nog niet en daarom ga ik door met beademen. Op de leeftijd van vier minuten begint het kind zelf te ademen, eerst onregelmatige teugen, daarna steeds dieper en sneller. De hartslag is mooi op tempo en de huid begint roze te kleuren. Als het kind acht minuten oud is, huilt het zwakjes en wordt het verder roze. Even later leggen we het kind bij de moeder. Vader, moeder en kind huilen. Dan gaat het kind naar de couveuseafdeling. We observeren het een paar dagen om na te gaan of er schade ontstaan is. Dat lijkt niet zo te zijn en het kind kan naar huis. Na een paar weken komt het kind met zijn ouders terug voor controle. We praten over hoe het met het kind en henzelf gaat en wat er allemaal gebeurd is. Als ik het kind nakijk krijg ik een brede lach van hem: mijn dag kan niet meer stuk.

42


Ja, ik wil (niet)! Geregistreerd partnerschap, samenwonen of trouwen? Hoe sit it krekt mei de formaliteiten, de hier fan it nije hûs dat jim tegearre hawwe, of de ynboel, en wat moat der gebeure as der bern komme? Binne de rjochten fan heit en mem foar troude stellen gelyk as foar gearwenjende stellen? Lês hoe’t it krekt sit op www.notaris.nl

Alwer in Fries! Komt de lytse poppe deroan en wolst in kajút op it dak of wolst sels in stik by ’t hûs oanbouwe? Dan hast mei in soad regels te krijen. Watfoar rjochten hawwe de buorren, hoe sit it mei de feilichheid en de sûnens. Al dyn fragen oer bouwen of ferbouwen kinst neilêze op www.postbus51.nl

heit

Prate en dochs € 40 besparje Litsto ek meastentiids dyn kompjûter oanstean ast in bakje kofje hellest of even sitst te praten? Kinst sa’n € 40 yn it jier, 135 kg CO2 en 180 kWh besparje mei de Ecobutton. Mei ien druk op ’e knop setst de pc yn de ecomode en is it stroomferbrûk minimalisearre. Troch ien fan de toetsen op dyn toetseboerd oan te klikken, kinst gewoan wer fierder gean. De Ecobutton wurket allinne op pc’s dy’t mei Windows 2000, XP of Vista (32-bits) draaie. Oan de Mac-fersy wurdt noch wurke. Priis € 20,75. Sjoch op www.nuonenergiewinkel.nl

Ook vaders kunnen aan een ‘postnatale’ depressie lijden. Uit onderzoek blijkt dat 62% van de vaders zich enige tijd depressief voelt gedurende de eerste 4 maanden na de geboorte van de baby. (Bron: www.9maand.be)

New York, here I come Asto ek mei hurdrinnen begjinne wolst, moatst earst even surfe nei www.hardloopschema.nl. Kinst dêr dyn eigen skema op maat útprinte, oanslutend by dyn basiskondysje en doelstelling fansels. Op dy site kinst ek tips fine oer skuon, klean ensfh. Wolst net allinne, en sikest in stok achter de doar? Begjin dan mei oaren te draven en jou dy op fia www. starttorun.nl. Starttorun organisearret yn ferskeidene plakken yn Fryslân basiskursussen (6 sneontemoarnen fan 1,5 oere foar € 30).

43


een relatie, kinderen, maar dan...? Aukje Mulder, tekening Andrea Kruis

44


All you need is love? Als je kinderen hebt, komt er bij een relatie veel meer kijken dan liefde voor elkaar. Want kinderen eisen dag en nacht aandacht op en stellen je relatie flink op de proef. Tijd en aandacht voor je partner zijn echt nodig om  op dezelfde golflengte te blijven. Voor Vera en André Brink was een weekendje Texel aanleiding om een belangrijke stap te nemen. Goingarijp, met al het water rondom, is mooi op zo’n zonnige en winderige najaarsdag. In één van de nieuwbouwhuizen woont Vera Brink met man André en zonen Danny (8) en Mark (5). Het bevalt ze er prima, zegt Vera, die uit Sneek afkomstig is. Zelf had ze nooit serieus aan wonen in Goingarijp gedacht. André wel, maar daarover later meer. ‘De grootste stap in je leven is niet het besluit om samen te wonen of te gaan trouwen maar om kinderen op de wereld te zetten’, zegt Vera. ‘Je moet eerst zeker weten dat je relatie goed is. Want er komt heel wat op je af. Vijf jaar waren we bij elkaar, we woonden nog in Terherne, toen we Danny kregen. Het was pittig: Danny sliep de hele dag maar was ’s avonds en een groot deel van de nacht klaarwakker en hield ons uit onze slaap. We kwamen niet aan onze rust toe, terwijl André om zes uur moest opstaan voor zijn werk. Tot Danny in een normaal ritme kwam, zo’n acht weken later, gingen onze gesprekken alleen maar over wie wanneer even zou kunnen slapen...’ Vera en André pakten hun eigen leventje weer op met werk, sport en sociale contacten. ‘Het was een bewuste keus om voor een tweede kind te gaan, hoewel ik het wel spannend vond. Ik had een broer die vanwege een chromosomenfout geestelijk gehandicapt was. We hadden al een gezond zoontje, ik vond het niet vanzelfsprekend om dan nóg een gezond kind te verlangen.’ Hartafwijking Mark werd geboren en de Apgarscore was perfect. Toch werd later op het consultatiebureau een hartruisje geconstateerd. Uit onderzoek in het Universitair Medisch Centrum Groningen (UMCG) bleek dat Mark een aangeboren hartafwijking had en na zijn eerste verjaardag geopereerd moest worden. Voor Vera hield op dat moment haar sociale

leven op. ‘Na mijn werk kwam ik de deur niet meer uit. Ik zegde het volleyballen op en ging niet meer op visite of winkelen met een vriendin. Ik wilde alleen maar bij Mark zijn. André had nog wel behoefte om af en toe weg te gaan. Dat vond ik prima. Maar aan sámen iets ondernemen, kwamen we niet toe. ’ De openhartoperatie was spannend en de periode in het UMCG duurde, vanwege complicaties, drie weken. ‘Toch is het de mooiste periode uit mijn leven. André en ik stonden, met mijn ouders en schoonvader, zó dicht bij elkaar. Niemand speelde toneel. Je was zoals je was, kon huilen als je dat wilde. Het was echt. En gelukkig ging het daarna allemaal goed met Mark.’ Weekendje Texel Al met al was het een heftig jaar, zegt Vera. ‘Want rond Mark’s geboorte overleden èn beppe èn mijn broer. Door alles wat er gebeurd was, was ik een tijdbom die op ontploffen stond. Dus daarom planden André en ik voor het eerst zonder kinderen een weekendje naar Texel. Het was heerlijk. Lange strandwandelingen, echt sámen zijn. Voor vijf euro lol bij een fruitautomaat. Een wijntje drinken aan de bar en eindelijk weer eens tijd voor elkaar nemen. ’ Ze ontdekten dat het ze aan goed praten en naar elkaar luisteren lange tijd had ontbroken. André vertelde dat hij het wonen in Terherne écht niet meer prettig vond. ‘ Al vaak had hij gezegd dat hij naar Goingarijp wilde, waar hij vandaan komt. Ik ging daar nooit serieus op in. Nu nam ik de tijd voor zijn verhaal. Ik begreep nu waarom hij nooit met me meeging naar feestjes in Terherne. Hij voelde zich er gewoon niet thuis. Dus daar op Texel besloten we om naar Goingarijp te verhuizen, want ik had helemaal niks tegen dat dorp. Als we toen niet dat weekendje weg waren gegaan en niets met dat gevoel van André hadden

gedaan, dan was dit misschien een groot probleem geworden.’ Eigen dingen Inmiddels zijn er nog twee weekendjes-weg gevolgd maar een jaarlijkse traditie werd het niet. ‘We hebben die behoefte niet. We hebben allebei onze sport, hobby’s en werk. Ik ben ook nog begonnen aan een studie dus we gunnen elkaar onze eigen dingen. Belangrijk, want ik zie nu dat je goed voor jezelf moet zorgen. Want kinderen vragen 24 uur per dag aandacht, er staat altijd wel een aan je mouw te trekken. Iets samen doen? Dat komt. We houden allebei van wandelen. Dus als de jongens iets ouder zijn, gaan we elke avond samen een eind lopen. En praten.’ Tips van relatietherapeut Joost Drenthe van Instituut Orbis in Niekerk om je relatie gezond te houden Maak ‘kwali-tijd’ voor je partner en spreek met je kinderen af dat je op bepaalde momenten niet gestoord wilt worden. Bij conflicten met je kinderen kunnen ze tussen jou en je partner in komen te staan. Trek één lijn met je partner naar je kinderen toe over wat wel en niet mag en steun elkaar daarin. Je mag elkaar best aanraken waar je kinderen bij zijn. Een zoen, knuffel of aai in het voorbijgaan zijn belangrijk. Je kinderen zien dat lichamelijk contact bij een relatie hoort. Geef elkaar – ook waar de kinderen bij zijn – complimenten. Zie de ander niet alleen als moeder/vader/ verzorger/kostwinner maar ook als partner en vraag af en toe wat de ander van je nodig heeft.

45


Bern & Bist! Winnende foto’s

1

2

3

Marije Dykstra fan It Hearrenfean freget har

Poes Rossi fynt Jesse Bijlsma út Warkum

Oane Pieter fan Hantumhuzen is hjir trije dagen

ôf wêr’t dy ‘dropkes’ eins allegear weikomme.

om op te fretten!

âld en no al grutte freonen mei hûn Riska.

Oare ynstjoerde foto’s

4.

5.

4. Doutsen en poes Magnum

6.

(advertentie)

5. Menno en Jurrit 6. Nieske en hûn Griet 7. Ynte en 7.

hûn Fido

Heit en Mem? Jout in protte wille... mar ek in protte noed!

Mear foto’s fine jo op it foarum fan www.heitenmem.nl De trije winners ha it boekje ‘Gekke Greta Goes’ tastjoerd krigen.

46

Foar al jo fersekeringen 0515 58 04 02


Beppe har pop

Namme: Akke Hoekstra - Folkerts (60) en Nynke Hoekstra (1) Wenplak: Boalsert Hobbys: fytse, yn de tún wurkje en by myn beppesizzers wêze Relaasje: al 35 jier troud mei Johan Hoekstra

‘Ik haw altyd tsjin myn soan sein dat ik net ferneamd wurde woe. Akke is in namme dêr’t in soad op rymt en dêr’t skoalbern altyd graach gebrûk fan meitsje. Dat woe ik myn beppesizzer net oan dwaan. Doe’t it berntsje berne waard belle myn soan my op mei de meidieling dat it in famke wie en dat se Akke hiet. ‘Nee wol!” rôp ik. Gelokkich wie it mar in grapke. Se sizze altyd dat pakes en beppes mear fan har bernsbern genietsje as fan har eigen bern. No, dat is echt wier. As mem hast it al sa drok en dan hast ek noch de soarch fan de bern derby. As beppe hast folle mear de tiid om fan de bern te genietsjen. Nynke is sa lekker eigenwiis en eigensinnich, mar ek in hiel leaf popke. Ik wie al beppe fan twa geweldich leave jonges, Ricardo (5) en Oscar (2) en no ek noch fan in famke. Mei famkes kinst sa lekker omtutte. Ik haw lêsten al hierspjeldsjes foar har kocht, mar dy bliuwe noch net sitten yn dy pear hierkes dy’t se op har holtsje hat. Nynke komt sa no en dan by ús útfanhûs. Wy lêze dan tegearre berneboekjes, boartsje mei de blokjes en kuierje lekker troch it moaie waar. Wat is it dochs hearlik om beppe te wêzen!’

Bisto pake of beppe en wolsto ek meidwaan oan dizze rubryk? Stjoer dan in foto op fan dysels mei dyn pake- of beppesizzer nei ynfo@heitenmem.nl.

47


Heit en Mem nr. 2 -2009  

Tydskrift foar âlders yn Fryslân

Read more
Read more
Similar to
Popular now
Just for you