Heit en Mem nr. 2 -2009

Page 41

winterknutsels Smulketting foar de fûgels

Keapje yn ’e supermerk in pûde doppinda’s dy’t net brând binne. Knip sa’n 80 sm katoentried ôf en lis der oan ’e iene kant in lus yn foar it ophingjen. Oan ’e oare kant hellest de tried troch it each fan in grutte nulle. Asto mei de nulle presys tusken de pinda’s troch prikst, wol it samar! (Kinst ek in ketting riuwe fan kastanjes, mar dan moat heit of mem mei in lyts boarke eefkes in gatsje boarje yn de kastanjes.)

Túnmantsje

Rôlje de klaai út oant sa’n 3 mm dik. Meitsje in moaie sirkel mei help fan in foarm (in pantsje of in komke wol goed). Rôlje de sirkel ta in ‘patatpûdsje’ en stryk de klaai oan inoar fêst mei in bytsje wetter. Mei in sateeprikker kinst in gesicht meitsje. As de klaai droech is, kinst it túnmantsje in dei letter ek noch moai opfervje.

Fingerpopkes

Lûk dyn finger om op in stik papier. Knip ’m twa kear út mei in ‘seaame’ fan 1,5 sm. Plak de rantsjes fêst mei lym en fersier dyn popke mei papier, stof, glimmerkes, ensfh. Yn stee fan op papier kinst it patroantsje ek op stof lizze, mei in triedsje fêstnaaie en fersiere.

Winterdrank sitroenkwast

Parsje in sitroen út en doch it sop yn in beker. In flinke skep huning derby en siedend wetter opjitte. Lekker ast ferkâlden bist! Mar ek by it knutseljen.

Kearsfet

Nim in wite kears, stek ’m oan en meitsje dripkes op in stik papier. De bern kinne no in leuke tekening mei wetterferve meitsje; in poddestoel mei wite stippen of in sniebui binne hiel geskikt. Wêr’t it kearsfet sit wol de ferve net hâlde en bliuwt it dus wyt.

Kleedsjes knippe

Kinst út papier hele mooie kleedsjes knippe dy’t krekt op in snieflok lykje. Probearje ek ris in rûn kleedsje trijedûbel te tearen. Swart-wyt jout in hiel moai effekt. Wol it allegear net slagje, dan kinst dyn eigen snieflok meitsje op http://snowflakes.lookandfeel.com

41


Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.