Karen Bies wurket by Omrop Fryslân, is troud mei Maarten en is mem fan Pim (14), Fieke (8) en Hans (6).
‘Wij lopen op de maan’ ‘Kijk, de maan is net een lachend gezichtje’, seit Fieke achter my. Ik sjoch gau even oerside. Ja, de blauwe kraters tekenje in leave mûle en skeane eachjes. We ride oer de A7 werom nei hûs. Yn it easten hinget de folle moanne deastil tsjin in rôze loft, beljochte troch de ûndergeande sinne. Even letter komt Hans: ‘Mem, zien alle mensen boven de evenaar nu de maan?’ Pas as we thús binne ha ’k betocht wat it goeie antwurd is. Galileo hie oan my in makky hân. Us nije flier hat ek de kleur fan de moanne, griiswyt linoleum mei blauwe ierkes. Fieke dûnset troch de keamer: ‘Wij lopen op de maan!’ Fan ’t simmer sieten we mei ús allen nei it jubileum fan de earste moannelâning te sjen. Neil Armstrong dy’t by it gammele trepke fan de Eagle del stroffelsweeft. Filme troch in wibelige Buzz Aldrin, dy’t it ôfstapke fiif minuten letter nimt. It skynt dat elkenien fjirtich jier lyn fan bêd kaam om dat wrâldwûnder yn swart-wyt live mei te meitsjen. Sels wie ik in jier âld mar ik tink dat se my yn myn ledikantsje lizze litten ha. No sjoch ik de man yn it wite pak mei in dikke rêchsek om en in helm op. ‘It’s one small step for man... (kchrrrks) one giant leap for mankind.’ Wêr is de Amerikaanske flagge, freegje ik my ôf. Leit noch oprôle achter yn de Apollo seker. Neil sil Buzz wol weromstjoerd ha om dat ding te heljen. Earme man, Buzz Aldrin, altyd de nûmer twa bleaun. O, dêr stiet de flagge al. En it waait ek op de moanne! Fieke en Hans sitte der op ’e bank mei grutte eagen nei te sjen. Mar dat dogge se ek nei Spongebob of Gerrit Hiemstra. Se lêze Suske & Wiske dus wat soe dat, sa’n romtereis. Ik bin in drammerige mem dy’t de bern histoarysk besef bybringe wol. Lês har foar út ‘Lang geleden’, in boek mei de hiele heitelânske skiednis yn bernetaal. Se snappe dat oma en beppe de wettersneedramp fan ’53 wol meimakke ha, mar heit en mem net. ‘Gelukkig waren jullie toen nog overleden!’ Nei in kristlike skoalle geane se net, mar se witte wol it ferskil tusken God en Goliath. ‘Kun je ook in Goliath geloven?’ Ja hoor. Op dy wize dus. Se dûnsje noch in kear oer de flier en dogge Buzz nei, dy’t stroffelet oer in moannestien. De jûns as ik se op bêd bring, begjin ik der wer oer. Hans tinkt oan Neil. ‘Mem, durfde hij alles?’ Nou, wel heel veel denk ik. Hy sjocht nei it plafond. ‘Ik durf al heel hoog op de vogelnestjeschommel.’ Echt? A small step for mankind, mar ik jou him in dikke nachttút.
36