Bernepraatsjes Hat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei ynfo@heitenmem.nl.
Beweechskaal
Finna (3) mei altiten graach eefkes yn ‘e badkeamer op ’e weachskaal stean. Se betinkt dan sels in getal en sa swier is se dan. Mar doe fûn se by ús yn de garaazje in lyts stepsapparaat. Finna gong der op stean, beweegde mei har fuotten wat hinne en wer en sei doe tsjin my: ‘Mem, dit is in beweechskaal!’
Judo Hidde (4) woe graach op judo. Doe’t mem nei syn earste les freegje hoe’t er it fûn sei Hidde: ‘Mem, ik fyn der neat oan, se goaie my hieltyd om!’
Fakânsje As mem Nynke (10) jûns op bêd freget oft Nynke op har earste skoaldei ek oer har fakânsje nei Itaalje ferteld hat, seit Nynke: ‘Nee mem, want ik koe my der neat mear fan herinnerje!’
Tiemesizzer Hjoed sei ús Tieme (3) wat hiel tûks (fyn ik as grutske mem). Beppe sei tsjin Tieme: ‘Do bist myn beppesizzer, want do seist beppe tsjin my’. Tieme reagearre werom: ‘Dan is beppe in Tiemeprater want beppe seit Tieme tsjin my!’
Gjin memmedei
De moandei nei memmedei hie Teake Cees (5) swimles. Ik soe him helpe mei it útklaaien, mar hy die sels hielendal neat. Doe’t ik frege oft er sels ek even meiwurkje woe, sei Teake Cees: ‘Ja hallo, it is gjin memmedei mear!’
Vliegende haan Sjoerd (4) is aan het voetballen met zijn zussen en zijn vader. Wanneer zijn zus Zwanet zegt dat ze vliegende kiep (vliegende keeper) is, zegt Sjoerd: ‘dan bin ik vliegende haan!’
Mie-kompjûter
Us âldste famke (9) iet fleis mei Italiaanske riedbakgriente, dêr’t ûnder oare taugee yn sit. Dan merkt har heit op dat de taugee wol op mie liket. Dochter sjocht ferbaasd op en freget: ‘wat is dat foar kompjûter heit? (wii)’
Peuterschool Onze zoon Allard (4) zat aan de eettafel en zei plotseling: ‘Mag je op de peuterschool in je neus peuteren?’
26