H&m 2 2016

Page 1

gratis & fergees

NR.2 2016

Kleureblyn De taal fan de jongerein De babybrûs Strieling Foarlêsferhalen MEI GR A PPIGE BERNEPR A AT S JES, DE NI JS TE BERNEBOEKEN, A PP S EN NOCH FOLLE ME A R!


ADVertentie

kraamzus.nl

experts in horen, spreken en verstaan

een hoor- of taalprobleem is ingrijpend. Daarom doen we alles om te helpen. hoe klein je ook bent.

Elke dag een mooie dag bij Kinderwoud! Je kind vindt het vast en zeker fijn om in onze kleurrijke en geborgen omgeving nieuwe dingen te ontdekken en te spelen met leeftijdsgenootjes.

• Onderzoek en advies bij kinderen met gehoor- en taal-spraakproblemen. • Behandeling op het gebied van gehoor- en taal-spraakontwikkeling. • Behandelgroepen, thuisbegeleiding en oudercursussen.

Wij zijn te vinden op diverse locaties in gemeenten Heerenveen, Opsterland, Smallingerland, Súdwest Fryslân en Tytsjerksteradiel. Pento Audiologisch Centrum Friesland Verlengde Schrans 35 | 8932 NJ Leeuwarden | Tel. 058 - 280 15 86

pento gaat verDer.

PEN0008 Advertentie Audiologisch centrum Friesland 105x148.indd 1

www.pento.nl

Wij nodigen je graag uit voor een bezoek op één van onze locaties. Kijk op www.kinderwoud.nl voor meer informatie. Wij zijn bereikbaar via 0513 – 61 08 25.

kinderwoud.nl dagopvang | buitenschoolse opvang | gastouderopvang | peuteropvang

13-12-13 11:56


Alle memmen meitsje moaie bern, mar ik moast it fansels wer oerdriuwe.


ynhâld

24 NR.2

32

Ciska (redakteur) Hawwe jim ek fan dy minypubers thús dy’t al ferskuorrend har bêst dogge de grinzen op te rekken? Sa fan: wat kin ik thús noch wol sizze, en wannear fljocht mem de gerdinen yn? ‘Prank, mem’, ropt ús soan (12) dan, ‘ik heb je gedist’, wylst er syn wite tosken bleat laket. Elke faze hat syn eigen dingen en ek dizze sil foarbygean. Sels slút ik ek in faze ôf. De faze fan it wurkjen oan heit&mem. It wie in fantastyske tiid, mar no wurdt it tiid foar wat oars. ‘Challa’, oftewol ‘ Later…’. Op side 32 fynst in nijsgjirrich stik oer ‘slang’, strjittaal.

Ernst (haadredakteur) Sûn ite. It bliuwt in wrakseling. Mar sûnt dizze simmer yt ik dochs noch wat sûner as at ik al die. Gewoan mear telefyzje sjen. Yn de Skandinavyske searje ‘Dag’ yt in man alle moarntiden in stik as wat bakte aaien mei spek. Wat mear is, hy struit dêr ek nochris in ûnbidich soad sâlt oerhinne en spielt alles fuort mei bakken swarte kofje. Soks griist my werklik oan en dan krijst fansels sin oan farsk sinesappelsop en in bakje yochert mei ‘sjongsied’. Al fyn ik ien kear yn de wike in bakt aai mei spek wol hearlik! Op side 24 fynst ynformaasje oer de nije rjochtlinen fan ‘de skiif fan 5’.

Kolofon Yllustraasjes:

Foarmjouwer:

35.000 eksimplaren.

Sjoch foar de ferspriedingslist

Sylvie Boersma (side 30)

BW H ontwerpers

Der wurdt wurke neffens in

op www.heitenmem.nl

Luuk Klazenga (side 45)

www.bwhontwerpers.nl

redaksjestatút dat boarch

info@bwhontwerpers.nl

stiet foar de ûnôfhinklikheid

Losse nûmers:

tel.: 058 - 213 35 43

fan de redaksje.

Losse nûmers kin besteld

Fotografy:

Dizze heit&mem is de lêste

Het Hoge Noorden

fan de twa nûmers dy’t yn 2016 ferskine sil yn dizze

Redaksje: Carolien ter Schuur

Korreksje:

Ciska Noordmans

Ytsje Steen-Buwalda

Dieuwke van der Meer

info@sekuer.nl

wurde fia websjop.afuk.nl

Haadredakteur:

Redaksje-adres

www.hogenoorden.nl

Ernst Bruinsma

/útjouwer:

info@hogenoorden.nl

rige. Yn it foarjier ferskynt

www.heitenmem.nl

tel.: 058 - 216 79 66

De lytse heit&mem, in útjefte

Meiwurkers:

ynfo@heitenmem.nl

ISSN: 1878-4437

heit&mem kinst ek folgje fia:

dy’t fia de gemeente yn it Fotografy Lydia

Janneke de Boer

foar safier op foarried

Taalkado ferspraat wurdt.

Monique Flinker

Printwurk:

www.fotografielydia.nl

heit&mem is in meartalich

Utjûn mei stipe fan de

Tine van Knijff-van Hijum

Senefelder Misset,

info@fotografielydia.nl

tydskrift en spesifyk rjochte

provinsje Fryslân.

Froukje Sijtsma

Doetinchem

tel.: 06 - 25 13 58 98

op âlders mei bern yn Fryslân.

Marieke Vinckers

www.senefelder.nl

Tjalling de Vries

info@senefelder.nl

Distribúsje:

by boekhannels, bibleteken,

Klasina van der Werf

tel.: 0314 - 35 55 00

heit&mem wurdt fergees

gemeentehuzen en yn oare

ferspraat yn in oplage fan

iepenbiere romten.

Nynke van der Zee

heit&mem is fergees te krijen


38

Fokke (meiwurker) Dit jier wienen wy wat betiid mei ’t snoeiwurk. De jonges hienen in nije kroade krigen. Fansels moasten de takken op de kroade, en doe fan de foartún, efter it hús del, nei de oprit ta. Simpelwei oer it stek smite hie ek kinnen, mar wat is it dochs prachtich om mei de bern yn de tún oan it wurk. Ek skoallen nimme hieltyd mear it idee oer dat boartsje yn de natuer goed is foar bern, sjoch mar ris op side 38. Dieuwke (redakteur) Ik fyn it hearlik om thús troch it rút myn dochter fan fjouwer te observearjen. Ik kin sa wol tiden nei har sjen. Hoe’t se hearlik ûntspannen skommelet en ûnderwylst selsbetochte ferskes sjongt. Hoe’t se slakjes siket en dy soarchfâldich neistelkoar op it bankje set, moaie stientsjes sammelet en mei stoepkryt de tegels rôs kleuret. En dat allegear sûnder haast, sûnder soargen en mei har folsleine oandacht. Bûten boartsje, dat soenen wy allegear wat mear dwaan moatte. Lês ek it prachtige artikel op side 34.

34

ynhâld 04 Kolofon 06 Heit & Mem Post 08 Frysk jout my in feilich gefoel 11 Swier & Swiet 12 De striid tsjin strieling 14 Bern 16 Thuisonderwijs 19 De Babybrûs 21 Bernepraatsjes 22 Yn ferwachting 24 De schijf van vijf

4

5

26 Boeken 30 Kleureblyn 32 Jongereintaal 34 Lit bern bûten op ûntdekking gean 37 Kollum Tjalling de Vries 38 Op ûntdekkingsreis yn Park Vijversburg 40 Tiid foar elkoar 43 It K-wurd 45 Tomkeferhaaltsje 46 Te lêzen op www.heitenmem.nl 47 Ferneamd


Wolsto wat oan ús kwyt? In bysûnder ferhaal, in moaie foto, in goeie tip of gewoan dyn miening ergens oer? Mail it ús of stjoer it op! ynfo@heitenmem.nl

POST

Heit&mem Postbus 53 8900 AB Ljouwert. Of sykje ús op fia Facebook, Pinterest of Twitter.

Myn leave berntsjes Myn leave berntsjes Faak sjoch ik nei it nijs It makket my bang Yn hokker wrâld komme jimme?

Wisto dat op heitenmem.nl ek Fryske bertegedichtsjes stean? En dat heit&mem fergees alle Fryske teksten foar op bertekaartsjes, rou- en troukaarten foar jim neisjocht? De teksten kinne maild wurde nei ynfo@heitenmem.nl

In bysûnder bertekaartsje Hjirby ús bysûndere geboartekaartsje fan ús soan Mats, berne op 11 desimber 2015. We ha it kaartsje yllustrearje litten troch in yllustrator, Emma Wilson. We binne der hiel wiis mei, in unyk kaartsje.

Op de Cover Op de cover stiet Stijn Meijer út Burgum. Stijn is yntusken alwer 4 jier. De fotoshoot fûn er destiids hiel nijsgjirrich. Foaral om op de trep te klimmen en de appeltsjes te pakken. It is in ûndernimmend, leaf en beskeiden mantsje.

Myn leave berntsjes It leafst sjoch ik gjin nijs Haw ik gjin weet fan al it leed Doch ik at it der net is Myn leave berntsjes Hoe moat ik jimme fertelle Fertelle fan it leed Fan de rare minsken hjir op ús wrâld Myn leave berntsjes Ik wól it jimme net fertelle Jim binne noch sa puer Yn jimme eachjes is alles goed Myn leave berntsjes Bliuw noch hiel lang sa, Sa jimsels Lit alles leafde wêze Myn leave berntsjes Ik wol jim beskermje Der altyd foar jimme wêze Mar ik wit dat dat net kin

Marcus en Judith Plantinga út Sint-Jânsgea Myn leave berntsjes Wit dat ik der altyd wêze sil Dat ik fan jimme hâld Mei myn hiele hert Lit leafde oerwinne Altyd Josette Zwier Draagmemmie.wordpress.com


Wannear’t swanger wurden net fansels giet Ik hear faak de minsken om my hinne harren libben útstippeljen. Trouwe, wurkje en dan op in gegeven momint wolle se ek bern. Faak giet it ek sa, en dat is fansels hartstikke moai. Mar it giet ek hiel faak net sa. Ik bin sels mem fan in prachtich berntsje. Wy wolle hiel graach in twadde berntsje, mar dat is oant no ta noch net slagge. Fansels ha ik (nei in lange wei) al ien krigen, dêr’t ik hiel bliid mei bin, mar in twadde bern soe ús libben en ús húshâlding kompleet meitsje. Nei twa jier probearjen bin ik noch altyd net yn ferwachting. Alle moannen ha ik wer in

protte fertriet wannear’t de menstruaasje him wer oankundiget. Fansels wol ik leaver net fertriet ha en woe ik alles it leafste ôfslute, alles rêstich ôfwachtsje en nei de takomst sjen. Mar alle moannen bliuw ik hoopjen op in wûnder. Earne ha ik noch wol it betrouwen dat it komt, mar it bliuwt in dreech trajekt. Leave heiten en memmen, ûnthâld dat der ek in protte minsken binne by wa’t it net slagget om yn ferwachting te reitsjen. En dat dy minsken dêr in protte fertriet fan hawwe. Want bern nimme je net, dy krije je.

Op it Skylgerstrân Fan ’t simmer ha wy nei Skylge op fakânsje west. Op de ein fan in middei rûnen ús bern Nienke, Jitse en Brecht moai efter elkoar oan, mei elts in amerke yn ’e hân. Mei op de eftergrûn de Noardsee, in prachtige loft en it moaie sân. It ideale momint om in foto te meitsjen.

Antsje

Rianne út Winsum

Poppe fan de moanne

maart 2016

april 2016

maaie 2016

Martha Dirkje (Marijke) Bolhuis út Hantumhuzen berne op 05.08.2015

Arina Amarins Heeringa út Nijewier berne op 14.01.2016

Rianne Nijboer út Damwâld berne op 26.01.2016

Is dyn poppe, buorfamke, neefke of beppesizzer de moaiste poppe fan de wrâld? Upload dyn foto op www.heitenmem.nl! De poppe mei de measte stimmen kriget it nijste Fryske berneboek tastjoerd. Dochst ek mei?

juny 2016

july 2016

Emily Esmee van Kammen út Kollumersweach berne op 25.07.2015

Jort Dedmer út Arum berne op 21.06.2016

6

7


Marieke Vinckers

‘Frysk jout my in feilich gefoel’


No hast fan it begjin ôf oan moai Frysk praat tsjin de bern en dan komme se op in dei thús en sizze se: ‘Ja, het was leuk op school mam.’ (?!) Het was leuk op school? Wat is dat no? En seisto dan: ‘Oh, moai dat it leuk wie op skoalle.’? Giest troch mei Frysk werom te praten as de bern beslute dat Nederlânsk ek bêst genôch is? En hat twataligens no júst foardielen, of soargest der mei dyn Frysktalige húshâlding foar dat de bern mei in fet aksint de wrâld yngean?

Der wiene in soad reaksjes op Facebook doe’t wy dit ûnderwerp posten op ús heit&mem Facebookside. De mieningen rûnen aardich útinoar. Japke van Groning skreau: ‘Ja hjirre! Us dochter prate altyd Hollânsk werom. Wy binne sa Frysk as wat, dus wat in argewaasje! Gelokkich praat se no wól Frysk tsjin ús, mar tsjin har suster noch altyd Hollânsk. De beide dames prate dus Frysk tsjin har âlden en Hollânsk mei inoar. Ik hoopje dat dat ek noch oerwaait.’ Ynfloed skoalle Miskien is it net iens sa gek dat de bern Nederlânsk weromprate as se thúskomme fan skoalle, dat is ommers wat se de hiele dei meikrije yn ’e klasse. En der binne fansels ek in soad bern op skoalle dy’t net Frysk binne. Dêr giest al. We soene eins wol mei al dy minsken prate wolle dy’t in reaksje pleatst hawwe, mar wy hawwe wat oars betocht. We prate mei in bern dat bern-ôf is. Frysktalich grutbrocht troch syn mem, syn heit prate altyd Nederlânsk mei him en mei syn broer Jester. Mei pake en beppe wie it Frysk wat de klok sloech en mei opa en oma út Emmen prate er Nederlânsk. En ja, Ingelsk ek, want oma Mimi komt út Taiwan. Op har bar prate dy wer Sineesk mei har soan. Oer in meartalige situaasje sprutsen: dit is der ien.

‘It Frysk is myn gefoelstaal.’ En hoe treffe wy Jente Posthumus (17 jier) dan oan? Is it in jonge mei in dik aksint? En hat er eins lêst hân fan al dy talen? Nederlânsk praat er aksintleas, dat hearst fuort wol. Jente is grutbrocht yn Húns. In

8

9

lyts doarp yn ’e greidhoeke: ‘Húns is in hiel Frysk doarp’, fertelt er. ‘Komt tink ik omdat dêr in soad âlde minsken wenje, dy prate allegear hiel geef Frysk. Dy jouwe de taal troch fan generaasje op generaasje. Ik fyn dat wol moai. Ik haw mei myn broer altyd Frysk praat. Dy taal leit it tichtst by my. It is de taal dêr’t ik myn gefoel yn kwyt kin. Dat hat mei fertrouwen te krijen tink ik. Myn mem hat ús yn fertrouwen sa grutbrocht, dy taal jout my dus ek in feilich gefoel. Ja, it is myn gefoelstaal sis mar.’ Nederlânsk op skoalle En hoe gong dat dan op skoalle? Prate Jente dêr ek Frysk? ‘Nee, op skoalle krigen wy les yn it Nederlânsk. We hiene ek Hollânske bern yn ’e klasse, dus dat koe net oars. Yn ús doarp sprutsen alle bern dus ek Nederlânsk mei inoar! It is pas twa jier lyn dat wy tsjininoar seine: “Wêrom praten wy eins gjin Frysk?” En it gekke wie dat soks dus echt noch bêst nuver is! Asto wend bist om in bepaalde taal mei ien te praten, dan kinst dat hast net mear feroarje. Dat hat myn omke ek mei syn mem. Dy prate altyd Sineesk tsjininoar. Tsjin syn heit praat er Nederlânsk. Sa giet dat gewoan.’

‘Hollânsk tsjin myn mem prate? Ik kin it suver net!’ Jente fertelt oer thús. De heit en mem fan Gijs wienen der. Gijs is de man fan syn mem Margriet. Dy syn âlders komme út Seelân wei. ‘Myn mem en ik soenen dat wykein dus Nederlânsk tsjin elkoar prate fansels, oars ferstiene dy leave minsken der neat fan. No, doch dat mar ris! It slagge my suver net. As

ik Margriet yn ’e eagen seach, dan begûn ik daliks yn it Frysk. Mar ik hie in oplossing fûn. As ik tsjin Margriet prate, dan seach ik nei de mem fan Gijs. Doe slagge it wol! Nuver.’ Op Facebook fertelt Annetta van der Tuin dat se thús Frysk prate en dat allinnich de jongste Nederlânsk werompraat. ‘Raar no?’ skriuwt se. Mar de logopediste seit dat har soan letter sels prima ûnderskied meitsje kin. Dat in soad bern dy’t mei it Frysk grutbrocht binne, Nederlânsk weromprate en letter dochs Frysk begjinne te praten, die ek wol bliken út de reaksjes. Annelies Stuiver fertelt bygelyks oer har âldste dochter Anke (no 15 jier): ‘Zij heeft van haar 2e tot haar 14e jaar Nederlands gesproken, en wij spreken/spraken altijd allemaal Fries binnen ons gezin. De reden dat zij nu Fries spreekt, is omdat zij een zusje heeft gekregen toen ze 13 was. En Anke zou het jammer vinden als Isa Nederlands in plaats van Fries gaat praten! Nu spreekt Anke dus ook Fries.’ ‘Daar kan ik niet over’ It soe dus kinne dat bern út in Frysktalich húshâlden pas letter bewust de kar meitsje om de taal te sprekken. Ek Jente soe it skande fine as de taal ferlern giet. Hy seit fuort yn it Nederlânsk: ‘Ik weet niet als ik nou echt voor of tegen de Friese taal ben, maar ik ben blij dat ik het spreek.’ En dêr hearst dat er in echte Fries is. Net in aksint, mar de Frisismen ûntmaskerje him. Hy laket. ‘Ja, sa ha ik der noch wol in pear: ik sis altyd: “Daar kan ik niet over” en “Maakt niks”.’ No Jente, dat makket neat.


ADVertentie Als (helpen) opgroeien een uitdaging is

Sandra Russell is pedagoog en voormalig directeur van Juneco, praktijk voor kind en gezin. Juneco is sinds 1 januari 2016 samengegaan met Cedin. Sandra is getrouwd en heeft 2 kinderen.

Het is donderdagmiddag en ik kom bij een gezin uit Leeuwarden vandaan. Zoon Bart van 8 jaar heeft het moeilijk op school. De omgang met zijn klasgenoten verloopt moeizaam. Hij vindt weinig aansluiting en ook juf krijgt lastig grip op hem. Bart zit hierdoor niet goed in zijn vel en dat resulteert in onhandelbaar gedrag, zowel op school als thuis. De school heeft, in overleg met de ouders, onze hulp ingeschakeld. Uit onderzoek blijkt dat Bart ADHD heeft. Mijn collega, orthopedagoog Titia, ziet Bart nu wekelijks op school. Door middel van behandeling zorgt ze ervoor dat Bart meer overzicht krijgt en rustiger wordt. “Ik zou graag eens kijken hoe het thuis met hem gaat”, zei collega Titia vorige week. “Ik verwacht dat het Bart enorm zal helpen als hij thuis wat meer structuur krijgt en dat hij en zijn ouders handvatten krijgen om met zijn gedrag om te gaan”. Het klinkt logisch dat we Bart thuis ook een helpende hand bieden. Zijn leven gaat immers gewoon door als hij buiten het hek van de school is.

“Ik verwacht dat het Bart enorm zal helpen als hij thuis wat meer structuur krijgt” In de realiteit is het echter minder logisch. Het verbinden van de werelden waar een kind zich het meest in begeeft is niet altijd vanzelfsprekend. Dat zorgt er in sommige gevallen voor dat de behandeling thuis en op school niet naadloos op elkaar afgestemd zijn. En dat is voor kinderen als Bart niet fijn, het zorgt voor onrust. Toch zijn de school, ouders en het kind onlosmakelijk aan elkaar verbonden als het gaat om de ontwikkeling van het individuele kind. Daarom ben ik zo blij dat we het bij Cedin wel vanzelfsprekend hebben gemaakt om deze werelden te verbinden. Wij kunnen dit doen doordat we twee organisaties bij elkaar hebben gebracht die verstand hebben van beide werelden. De één is al ruim 40 jaar werkzaam in het onderwijs (Cedin), de ander komt al jarenlang bij gezinnen thuis (Juneco). Als 1 organisatie werken we samen. Ik heb zojuist met Bart zijn ouders afgesproken dat collega Titia volgende week bij hun thuis komt. ‘Wat fijn’, zeiden zijn ouders. ‘Bart is aan Titia gewend en voelt zich goed bij haar’. Die laatste opmerking zegt alles. Want dat is precies waarom we dit doen. Eén wereld maken van de zorg op school en de zorg thuis omdat het kind zich daar goed bij voelt.

Thuis en school worden op elkaar afgestemd

Je kunt bij ons terecht voor o.a.: Opvoedondersteuning Sociale vaardigheidstrainingen Diagnostiek en behandeling van: Dyslexie Gedragsproblemen Psychiatrie Maatwerk Onderwijs (dreigende) Thuiszitters

> Persoonlijk contact > Meteen aan de beurt > Zorg voor het kind en zijn omgeving 0-23 jaar

Een kind aanmelden voor onderzoek en behandeling Neem contact met ons op via: zorg@cedin.nl 088 0200 300 www.cedin.nl

Wij helpen je meteen!

Sandra Russell


Swier & Swiet Swangerskipskalinder Krije jimme in lytse poppe? Op www.heitenmem.nl fynst in swangerskipskalinder foar de oansteande mem én heit! Mei alle wiken nijtsjes oer de poppe en handige tips foar de oansteande âlders.

Wist je dat… de meeste baby’s al het haar waarmee ze geboren worden in de eerste vier maanden van hun leven al verliezen?

Lekker koese! Tomke sil op bêd. Mar wat docht er allegear foardat er lekker koese kin?

E-cards Lokwinske mei jim poppe! Hat ien fan dyn Facebookfreonen in lytse poppe krigen? Reagearje dan ris mei sa’n moaie e-card. Wy ha spesjaal foar jim ferskate e-cards makke dy’t jim sa brûke meie. Besjoch se allegear op www.heitenmem.nl

Fryslân romper Fryske poppen binne fansels op syn moaist mei in echte Fryske romper oan! Yn ferskate maten te bestellen foar € 7,95 fia websjop.afuk.nl

10

11

En wêr soe Romke koese? In prachtich kartonboekje foar bern fan 0 oant 2 jier. Foar € 6,50 te krijen yn de boekhannel.


Nynke van der Zee

De striid tsjin ûnsichtbere strieling

Pineholle, kramp, konsintraasjeproblemen en net yn ’e sliep komme kinne. Wa’t sûnensklachten út dit rychje herkent, moat efkes goed oplette. WiFi-strieling kin nammentlik de oarsaak wêze fan dy klachten. In oarsaak dy’t net te sjen is, mar wol foar problemen soarget. ‘In taboe dat wy heechnedich trochbrekke moatte’, fine Karlijn Houben en Tineke Dijkstra.


Tips foar in strielingsfrij hûs 1. Kies foar ynternet fia in kabeltsje yn dyn laptop en belje mei in fêste telefoan. 2. Set de tablet en telefoan op de ‘vliegtuigstand’ as bern dermei boartsje.

4. Doch de telefoan op de speaker ast bellest, sadatst him op ôfstân fan dyn holle hâlde kinst. 5. Helje foar de nacht safolle mooglik stekkers út it stopkontakt.

3. Hâld wekkerradio’s en babyfoans út de sliepkeamer fan dyn bern.

Oeral is hjoed-de-dei wol WiFi: op skoalle, thús, mar ek op strjitte en yn winkels. Maklik foar wa’t de hiele dei online wêze wol, mar in nachtmerje foar minsken dy’t lêst fan dy strieling hawwe. Want WiFi-strieling kin serieuze sûnensklachten jaan, witte Karlijn Houben út Snits en Tineke Dijkstra út Harns. In taboe trochbrekke Yn har eigen bedriuw Bij Pees jout Karlijn as pedagoge en babycoach bewust omtinken oan it risiko fan strieling yn ’e hûs. ‘Heiten en memmen sjogge my meastal fernuvere oan’, fertelt se. ‘Dat is it grutte probleem fan strieling: it is net taastber, it is net te sjen en de measte minsken fiele it net. Mar der binne útsûnderingen: bern en folwoeksenen dy’t der ekstra gefoelich foar binne en dêrtroch sûnensklachten krije, sûnder dat se witte wat de oarsaak is.’ Dat taboe moat trochbrutsen wurde, fynt ek Tineke Dijkstra út Harns. Tineke is de mem fan Dewi (1,5) en sy ûntduts nei in lange syktocht dat har dochter lêst hat fan strieling. ‘Dewi is yn novimber 2014 berne’, fertelt se. ‘It is in sûn famke, mar dochs slagge it ús net om har nachts trochsliepe te litten. Alle nachten waard se wol fiif kear wekker en krûpte dan hielendal nei it fuottenein fan har bêd. Ik fielde fan it begjin ôf oan dat dat net doogde. Mar fyn dan mar ris út wat krekt de oarsaak is.’ De stekker derút Uteinlik stjoert Tineke begjin 2015 in mail nei har homeopaat, dy’t har advisearret om thús alle stekkers fan radio’s, modems, telefoans en oare apparaten út it stopkontakt te lûken. ‘Ik fûn it in frjemd

12

13

advys, mar wy ha it daliks útprobearre’, fertelt Tineke. ‘Dy nachts sliepte Dewi poerbêst. Soe strieling dan wier de oarsaak wêze fan har sliepproblemen? Wy ha de proef op de som naam. Doe’t wy de stekkers der op in dei wer yn diene, wie it dy nachts fuort wer mis. Mear bewiis hiene wy net nedich.’

‘Sjochst strieling miskien net, mar kinst der wol in hiel soad lêst fan ha.’ Ek by Karlijn thús binne de stekkers nachts út de stopkontakten. ‘Us dochter Emma (5) hat krekt as ik lêst fan strieling’, fertelt Karlijn. ‘Wy hawwe dêrom de WiFi safolle mooglik út yn ’e hûs. Mar strieling komt ek fan gewoane elektryske apparaten en sparlampen. En net te ferjitten: de babyfoan. Dat is ien fan de grutste strielingsboarnen yn ’e hûs, wylst dat ding ek noch it measte brûkt wurdt by lytse poppen. Hoefolle minsken ha wol net in babyfoan njonken it ledikantsje fan harren baby stean, sûnder dat se witte watfoar skea at dy strieling oan harren bern tabringe kin?’ Risiko op echte skea En dêrmei komme wy ta de kearnfraach: kin strieling wier skea tabringe oan ús sûnens? ‘Ik bin der wis fan’, knikt Karlijn. ‘Der binne wittenskiplike ûndersiken dien dy’t sjen litte dat strieling oanwiisbere skealike effekten hat en boppedat it risiko op kanker fergruttet. En ik sjoch sels alle dagen it bewiis, as myn dochter yn in strielingsfrij hûs wer ta rêst komt.’

Sûnensklachten troch strieling •

Pineholle

Sliepproblemen

Konsintraasjeproblemen

Spierpine of kramp

Hyperaktiviteit

Ek Tineke sjocht hoe’t har dochter fleurich boartet sûnt de strieling út ’e hûs is. ‘Hiene wy dat mar earder witten, dan hiene we it folle earder dien’, fertelt se. ‘Ik tink dat der folle mear bern binne dy’t lêst fan strieling hawwe, allinnich witte heiten en memmen dat net. Ek by de kreamsoarch of op it konsultaasjeburo wurdt neat oer it risiko fan strieling ferteld. Dat is dochs nuver? Heech tiid dat der mear omtinken komt foar dit ûnderwerp.’

‘Strielingsfrij sille wy de wrâld wol net mear meitsje kinne.’ Bewust wurde fan strieling Mear omtinken foar it risiko fan strieling: dat is ek de missy fan Karlijn. ‘Strielingsfrij sille wy de wrâld wol net mear meitsje kinne’, jout se ta. ‘Dus is myn doel om it sa strielingsearm mooglik te meitsjen. Dat kin hiel simpel troch te ynternetten fia in kabeltsje yn dyn kompjûter of laptop. En Emma mei fan ús bêst op de tablet, mar dan allinnich op de “vliegtuigstand”, dus mei de WiFi út. Wy hoege net werom yn de tiid, mar ik wol wol graach dat heiten en memmen har bewust wurde fan it feit dat strieling net altyd like sûn is. As dat my slagget bin ik tefreden.’

Mear witte oer strieling? Sjoch op www.beperkdestraling.org of www.kinderenenstraling.nl.


BERN

Meertalige kinderen kunnen zich gemakkelijker focussen en concentreren, omdat ze van jongs af aan gewend zijn om te schakelen tussen verschillende talen.

Drinkfitamines Bern binne faak gek op smoothies. It is in moaie wize om genôch fitaminen binnen te krijen. Hjirby in hearlik resept foar 2 persoanen:

Bôlebriefkes

Opblaasbaar autozitje

Jildou en Kim meitsje alle wiken in pear ‘bôlebriefkes’. Dat binne briefkes, yn it Nederlânsk én Frysk, dy’t heiten en memmen fergees printsje kinne fia www.broodbriefjes. nl en by harren bern yn de bôlebakjes dwaan kinne. Op de briefkes steane bygelyks skouderklopkes, tegoedbonnen – foar in iisko, in steapel pankoeken of hiel lang tegearre boekje lêze – mar ek riedsels en nijsgjirrige teksten oer de sân wûnders fan ’e wrâld en de planeten.

Het is vaak een heel gesleep met autozitjes bij schooluitjes, taxiritjes, vakanties, of wanneer opa en oma de kinderen mee op stap nemen. Maar daar is nu wat op gevonden: opblaasbare autozitjes! Lekker compact én veilig. Geschikt voor kinderen tussen de 4 en 11 jaar.

It idee is ûntstien trochdat Jildou en Kim sels regelmjittich briefkes mei leave wurden, in tekening of soms sels hiele ferhaaltsjes yn de bôlebakjes fan harren bern dienen. Dat waard in hieltyd grutter sukses. Undertusken fine bern yn hiel Nederlân de bôlebriefkes fan Jildou en Kim yn harren bôletrompke. En soms wurde de briefkes sels foarlêzen yn ’e klasse.

Kinderen die in de vakantie bijna niet lezen, vallen 1 tot 2 niveaus terug in hun leesontwikkeling.

Doch earst 125 ml sinesappelsop en 75 ml kâlde (amandel/rys)molke yn in blender. Doch dêrnei 1 appel en 1 banaan yn stikjes dertrochhinne. Efkes blende en smulle mar! Tip: kinst ek iisblokjes of beferzen fruit tafoegje. Of besykje der ek ris wat havermout troch te dwaan, dan hast in hearlik drinkontbijt!

In het roze en zwart te bestellen voor € 39,95 bij www.kofferopdak.nl

Kom, sei it bosk, hjoed litte wy alles los. Alles litte wy gean. Lit alles mar waaie, want soms is dat nedich om sterker yn it libben te stean.

Hjerstplaten Spesjaal foar heiten en memmen, pjutteboartersplakken, skoallen, bernedeiferbliuwen en gastâlders stean op www.heitenmem.nl moaie hjerstplaten dy’t jimme sels útprintsje kinne. Leuk foar yn in listje of om sa op te hingjen. Sjoch op heitenmem.nl by ‘printables’.

Troch Dieuwke van der Meer. Nei in idee fan in gedicht fan Rene Speelman.

foks


De populêrste bernenammen Meegroeikleding Kinderen groeien erg snel en dus blijf je nieuwe kleding kopen. Daar heeft Gerline van den Broek de oplossing voor: ‘meegroeikleding’. Broekjes met lange pijpjes die je om kunt vouwen en jurkjes voor meisjes die doorgedragen kunnen worden tot tuniekjes en shirtjes. Het scheelt je in de portemonnee én het is beter voor het milieu. Kijk voor de duurzame en eerlijke collectie op www.pyantakinderkleding.nl

Dit binne op ’t heden de populêrste bernenammen yn Fryslân. Sjoch op www.heitenmem.nl foar mear Fryske foarnammen, mei de betsjutting derby!

Jongesnammen

1 Jesse 2 Jurre 3 Thijs 4 Jelte 5 Milan 6 Sven 7 Sem 8

Hidde

9 Roan 10 Jens

Fryske berne-apps Wisto dat der yntusken aardich wat Fryske berne-apps binne? Faak ek noch fergees! Sa as de app Lytskes (1+), It grutte foarlêsboek (2+) en Hantsjes yn ’e hichte (4+). Sjoch gau op www.heitenmem.nl foar in kompleet oersjoch.

Kleien in bad Je kunt je lichaam én je haar ermee wassen, je kunt er een schuimbad mee maken en je kunt er in bad heerlijk mee kleien, kliederen en spelen. De Rainbow Fun van Lush kun je meerdere keren gebruiken. Een leuk en origineel cadeau! En het mooie is, van elk verkocht blok Rainbow Fun gaat er 12,5 cent naar projecten in Japan, voor hulp aan kinderen uit gebieden die getroffen zijn door de tsunami en de nucleaire ramp in 2011. Voor € 12,75 via www.lush.nl te bestellen.

14

15

Famkesnammen

1 Lieke 2 Femke 3 Emma 4 Ilse 5 Maud 6 Sanne 7 Anna 8 Benthe 9 Zoë 10 Fenna


Marieke Vinckers

Interview met Anke Timmermans over haar zoon Bouke

Als thuis lesgeven de enige oplossing is Je kind zit thuis, omdat het op school niet ‘teplak’ is, geen aansluiting vindt bij de groep, of niet kan meekomen. Welke reden het ook is waardoor het kind niet past in het bestaande onderwijsaanbod, het heeft niet zelden heftige gevolgen. Eén van de belangrijkste is misschien wel dat het kind zelfvertrouwen verliest. Indirect het gevoel te krijgen dat je faalt, heeft een groot effect op elk kind. Anke Timmermans (39), moeder van Bouke (12), heeft haar zoon weer zien opbloeien na een lange, lange zoektocht in onderwijsland. De oplossing? Bouke krijgt thuisonderwijs.


‘Hy kin leare, hy wol leare en hy sil syn plak fine yn ’e maatskippij.’ De moeder van Bouke is nog altijd strijdbaar, al zou je het na het horen van haar verhaal ook logisch kunnen vinden dat haar de moed in de schoenen was gezakt. In groep drie trokken Anke Timmermans en haar man Timon voor het eerst aan de bel. Bouke had weinig zelfvertrouwen, dat zagen ze wel, maar er speelde meer. Dat werd op een dag echt duidelijk op het voetbalveld. Ze zagen hun zoon achter de bal aanrennen, maar was hij bij de bal, dan stopte hij plots, stond stil, deed niks. Alsof hij in ijs was veranderd. ‘Hy wist suver net wat er dwaan moast.’ Ze gingen een onderzoekstraject in, waaruit al snel naar voren kwam dat Bouke een vorm van autisme had (ASS). Anke: ‘Dat wie al earder yn my omgongen, mar as ik it dan opsocht op ynternet, dan stienen der altyd dingen by dy’t Bouke net hie.’ Bijvoorbeeld de zo bekende ‘fiep’ waarbij iemand met ASS (als hij of zij het even niet meer weet) met de handen gaat fladderen of heen en weer gaat wiebelen. Dat had Bouke niet. Wel wilde hij altijd weten waar hij aan toe was. Als er iets onverwachts gebeurde, dan kon hij dat moeilijk verwerken.

‘Juf Maaike wie syn feilige beaken. Doe’t Maaike fuortgong, wie it mis.’ Op school kwam Bouke goed mee, totdat zijn juf uit de roulatie raakte. Een plotselinge verandering. ‘Juf Maaike wie syn feilige beaken. Doe’t Maaike fuortgong, wie it mis. Doe kaam it probleemgedrach.’ Bouke ging tijdens de les op de tafel staan, hij was onrustig in de kring. ‘Hy fielde him net feilich mear. Dat wie foar de dosinten wol dreech. Bouke kaam thús en dan koe er sizze dat it hartstikke goed gong op skoalle: “It wie leuk mem!” Mar letter hearde ik dan oare ferhalen fan de dosint. Dat is eins noch wol it slimste oan it hiele ferhaal, hy gong altyd mei sa’n soad wille nei skoalle ta.’ Het werd echter steeds duidelijker dat hij het op school niet kon bolwerken in de nieuwe situatie. Thuis ontplofte hij, Bouke vond geen andere uitweg dan te schreeuwen en te huilen. Anke en Timon

16

17

wisten dat er iets moest gebeuren. Op school ging het niet meer. Leerplicht Schoolverzuim wordt in Nederland onderverdeeld in ‘absoluut’ en ‘relatief’ verzuim. Bij de eerstgenoemde categorie gaat het om leerlingen die niet staan ingeschreven bij een school. Onder relatief verzuim vallen leerlingen die wel staan ingeschreven, maar niet op school komen. Dat wordt nog onderverdeeld in luxeverzuim (zonder toestemming met vakantie gaan) en signaalverzuim. Dat laatste is een gevolg van de problemen van de leerling, of van zijn/ haar leefomgeving. In 2014/2015 gingen 72.732 leerlingen meer dan zestien uur in vier weken niet naar school. Dat jaar telde 4.000 thuiszitters. Meer dan de helft daarvan bleef langer dan drie maanden thuis. (Bron: Leerplichtbrief 2016, Staatssecretaris Dekker.) Cijfers van het Ministerie van Onderwijs wijzen uit dat bijna 8.000 leerplichtige kinderen niet naar school gaan. Dat aantal staat los van de 4.500 kinderen die vrijgesteld zijn van de leerplicht omdat zij lichamelijk of geestelijk gehandicapt zijn. Thuisonderwijs Over hoeveel kinderen in ons land thuisonderwijs krijgen, is weinig bekend. Schattingen lopen uiteen van 200 tot 2.000 leerlingen. Volgens de Nederlandse Vereniging voor Thuisonderwijs is de reden dat nog niet veel kinderen thuis onderwezen worden, dat het fenomeen thuisonderwijs in Nederland nog niet zo bekend is. Dat komt mede doordat er vanuit de overheid weinig aandacht aan thuisonderwijs wordt besteed (aldus de vereniging). Als ouders hun kinderen inschrijven op een school, dan staat in de folder die ze meekrijgen bijvoorbeeld niks over de mogelijkheid van thuisonderwijs. Wiel opnieuw uitvinden Voor Anke voelde het alsof zij het wiel opnieuw moesten uitvinden, terwijl er toch veel meer ouders zijn die zich in een soortgelijke situatie bevinden. Bouke ging, nadat het misging op zijn basisschool in Oudega, eerst naar het speciaal onderwijs in Drachten. Dat ging goed, tot ook daar de juf wegging, met zwangerschapsverlof. ‘It wie

in kopy fan de eardere situaasje’, vertelt ze. ‘It gong mis. Ik waard hast alle dagen belle oft ik Bouke ophelje koe. Hy krige allang gjin ûnderwiis mear. As se yn ’e klasse net mei him omgean koene, dan krige er in boekje en koe er wat lêze. Dat makke de situaasje der net better op. Sjoch, Bouke is frij yntelligint. Hy gong nei skoalle, mar hy learde neat. Dat wie net goed foar syn selsfertrouwen.’

‘Ik waard hast alle dagen belle oft ik Bouke ophelje koe.’ Wat Anke vooral dwarszat, was dat zij uiteindelijk de enige was die hem uit zijn boosheid (lees: onmacht) kon halen. Was Bouke onhandelbaar (lees: voelde hij zich niet op z’n gemak), dan werd zijn moeder vrij snel door de school gebeld. ‘Mar hy moat dochs ek tools krije om dêr sels út te kommen, tocht ik dan.’ Uiteindelijk ging hij naar een school in Smilde waar ze speciaal onderwijs combineerden met een traject observatie behandeling van het GGZ. Alles op dezelfde plek. Het leek ideaal. Bouke had het er naar zijn zin. We praten over december 2014, er waren toen al drie jaar verstreken waarin Bouke per schooldag ongeveer anderhalf uur les had gekregen. Of beter gezegd: in die tijd kon hij een boekje lezen. Passend onderwijs en jeugdzorg Het voorbeeld van Anke is precies de reden waarom onderwijsadviesbureau Cedin passend onderwijs en jeugdzorg combineert. De organisatie heeft met het traject Maatwerk Onderwijs (dreigende) Thuiszitters deze twee zaken bij elkaar gebracht. Een unieke aanpak in Nederland, aldus Hummel: ‘Eén kind, één gezin, één school, dat is ons uitgangspunt.’ Binnen die aanpak werken alle betrokkenen samen. De leerling krijgt een vaste casemanager die verantwoordelijk is voor het traject dat de leerling doorloopt. Daarna wordt een onderwijsarrangement opgesteld. Dat kan (deels) thuis of (deels) op school plaatsvinden. Elk traject heeft onderwijs, jeugdzorg en dagbesteding als elementen. Omdat elke leerling uniek is, kan dit op maat worden ingedeeld in bepaalde modules. Cedin besteedt veel aandacht aan nazorg, als het maatwerktraject is afgerond.


De casemanager volgt de leerling tot een jaar na afronding van het traject. Smilde Die combinatie van zorg en passend onderwijs was ook precies wat Bouke in Smilde zou krijgen. Hij voelde zich daar op school ook direct thuis. ‘Hy wie teplak.’ Maar toen kregen Anke en Timon een mail waarin stond dat de school de deuren sloot. BAM. ‘Yn al dy jierren wie dat it iennichste momint dat ik tocht: No wit ik it echt net mear.’ Maar leer Anke kennen, dat heeft een dag geduurd. ‘Ja,’ zegt ze, ‘do kinst lulk wêze, fertrietlik wêze, mar dat hat gjin sin. Wy binne om ’e tafel gongen mei dy skoalle. Bouke soe doe al nei groep 8!’ IVIO@School En buiten de gesprekken ging ze het internet op. Googelen. Zoeken. Onderwijs voor leerlingen met autisme. ‘Der is gjinien dy’t seit: dit is dyn probleem, hjir hast in nûmer, belje

mar.’ Anke kon niks vinden voor haar zoon, totdat ze lid werd van een Facebookpagina voor ouders die kinderen hebben met autisme en een pagina voor ouders van thuiszitters. Daar noemde iemand het verlossende woord: ‘thuisonderwijs’. En zo kwam ze terecht bij de onderwijsinstelling IVIO. IVIO@School biedt maatwerk voor thuiszitters. En zo ook: complete lespakketten om thuis onderwijs te geven. Anke stelde het voor bij de school in Smilde. Tegelijkertijd vroeg ze Janna, degene die Bouke al die jaren had begeleid op de dagbesteding ‘Tierelantuintje’ in Oudega, of zij die lessen misschien zou willen geven. Zij was een vertrouwd gezicht voor Bouke. Gelukkig stemde Janna daarmee in. Samen zijn ze in gesprek gegaan met de gemeente, omdat die de thuisdocent zou betalen. De school in Smilde zou de kosten voor het lespakket op zich nemen. ‘Ik tink dat it allegearre slagge

is omdat it sa’n útsûnderlike situaasje wie en omdat it noch mar om ien jier gong.’ Zo graag willen leren Hoewel Bouke ondertussen jaren onderwijs miste, bleek al bij de eerste lessen dat hij bijna geen achterstand had. Ja, met topografie, omdat dat puur stampwerk is, maar zijn scores van de Cito-toets zijn behoorlijk hoog. Het grootste cadeau is nog wel dat hij weer lekker in zijn vel zit. Als je zó graag wilt leren, maar je dat ontnomen wordt omdat je de juiste plek niet kunt vinden, dan doet dat iets met je gemoedstoestand. Sinds kort weet Bouke dat hij na ‘groep 8’ naar het voortgezet onderwijs gaat. Hij reageerde daar heel enthousiast op. Hij wil zó graag weer naar school. Janna gaat in augustus de eerste maanden met hem mee, zodat het vertrouwd blijft en hij rustig kan wennen aan de nieuwe situatie. Anke lacht: ‘Frisse moed, wy gean der wer foar!’

In een onderzoek van Ingrado (de landelijke vereniging van afdelingen Leerplicht van de gemeenten en de RMC-regio’s (RMC = Regionaal Meld- en Coördinatiepunt)), blijkt dat er veel uiteenlopende redenen zijn waarom kinderen (tijdelijk) niet meer naar school gaan en thuis komen te zitten. Meerdere problemen tegelijkertijd Bij het overgrote deel van de thuiszittende kinderen spelen meerdere problemen tegelijk. Gemiddeld drie problemen per thuiszitter. De meest voorkomende redenen zijn volgens het onderzoek (2010): 1. Psychiatrische problemen: (vermoedens van) angsten, fobieën, psychische problematiek, psychiatrische stoornis; 2. Gedragsproblemen: problematisch gedrag naar anderen (oppositioneel); 3. Wachten op opvang: de opnemende instelling is niet in staat direct actie te ondernemen; 4. Bureaucratie: regels en procedures, waarbij geen rekening gehouden wordt met de problematiek van de jongere; 5. Thuisproblematiek: ontbreken van structuur, onvoldoende houvast, onrust, gebroken gezin, ouders met psychiatrische stoornis

Meer weten over het maatwerktraject van Cedin? Neem contact op met Siska Hummel of Marinka Bakker van Cedin.


De Babybrûs

7 tips foar in bjusterbaarlike babybrûs! 1. Ferstjoer moaie eigenmakke útnûgingen (jou dêrby oan dat de babybrûs in ferrassing bliuwe moat foar de oansteande mem en freegje elkenien tagelyk om in lytse bydrage yn ’e kosten fan it feest).

In tradysje dy’t oerwaaid is fanút Amearika en dy’tst ek yn Nederlân hieltyd faker tsjinkomst: de ‘babybrûs’! (babyshower)

2. Fersier de feestlokaasje, betink eventueel in tema.

In babybrûs stiet hielendal yn it teken fan de oansteande mem. It is in dei dat de oansteande mem noch efkes lekker bedoarn wurdt en yn it sintsje set wurdt troch har freondinnen. Mei syn allen herinneringen ophelje, leuke spultsjes dwaan en lekker ite en drinke. Ek wurde der faak praktyske kadootsjes jûn foar de poppe. Yn ’e regel binne der op sa’n dei allinne froulju oanwêzich. In babybrûs is meastal in ferrassing foar de oansteande mem en wurdt dêrom yn it geheim organisearre troch freondinnen.

Sippie Tadema: ‘Lucie en ik wienen tagelyk yn ferwachting. Hiel bysûnder om dat mei te meitsjen. Us freondinnen hienen in babybrûs foar ús tegearre regele. Mei ús bolle buken ha wy oan it babyfoto’s rieden west, ruften fersierd en hearlik kletst oer babys!’

3. Lit in moaie babybrûstaart meitsje.

Pytsje Bokma-Westerdijk: ‘Ik ha it by in freondin meimakke en dat wie hiel gesellich! Mar ik soe it sels net wolle. It moat der earst marris wêze, fiere wy dan wol feest!’

5. Betink ûngefear trije babybrûs-spultsjes: bygelyks in wedstrydsje blyn pampers ferskjinjen, bertedatum rieden of babyfieding priuwen. Op it ynternet is wat dat oangiet fansels ek fan alles te finen.

In babybrûs wurdt meastal tusken wike 32 en wike 36 fan de swangerskip organisearre. De oansteande mem is dan noch reedlik mobyl en de kâns dat de poppe der al oankomt is noch net sa grut.

18

19

Marijke Krijgsman: ‘Ik wie troud mei in Amerikaan, dat ik ha it echt American style meimakke.’ Hendrika van der Meulen: ‘Er werd voor de geboorte van onze tweeling een babyshower georganiseerd. Ik werd geblinddoekt naar het huis van mijn ouders gebracht, waar mijn zussen en tantesizzers allemaal waren. We hebben een heerlijke high tea gehad en ik moest allemaal vragen over zwangerschap, geboorte en baby’s beantwoorden. Was erg leuk!’

4. Meitsje leuke blauwe en/of rôze traktaasjes. Tink dêrby oan soeskes, sûkelade, keekjes en koekjes.

6. Jou praktyske kado’s, lykas kadobonnen, ruften, boeken foar de mem en/of de poppe en babyklean. Sjoch op www.heitenmem.nl foar in babybrûs-kado top 10! 7. Meitsje in orizjineel gasteboek, troch bygelyks elk wat op in papieren romperke skriuwe te litten.


ADVertentie

Kom naar de bieb! 12 OKT. 14.00-15.00 UUR Kinderboekenweekvoorstelling Bibliotheek Surhuisterveen

(ook op 05-10 in De Westereen, 06-10 in Franeker, 08-10 in Dokkum, 10-10 in St.-Annaparochie en 18-10 op Terschelling)

12 OKT. 15.00 UUR Spelen met Boek & Muziek Bibliotheek Heerenveen

14 NOV. 19.30 UUR Workshop Photoshop Elements * Bibliotheek Sneek

19 NOV. 11.00-14.00 UUR FryskLab, de nieuwe technologie in een bus * Bibliotheek Dokkum (en 23-11 in Dronryp)

14 OKT. 09.30-11.00 UUR Heit en Mem café * Bibliotheek Dokkum (ook op 11 november)

16 NOV. 15.00 UUR Sinterklaasvoorstelling Bibliotheek Heerenveen

18 OKT. 14.00 UUR Workshop 3D printen voor kinderen Bibliotheek Drachten

27 NOV. 14.30 UUR Kinderworkshop Bieb FACTORY Bibliotheek Leeuwarden

12 NOV. 13.30 UUR Kookdemonstratie van Sarena Solari * Bibliotheek Drachten

2 DEC. 10.00 UUR Boekstart inloopochtend Bibliotheek Heerenveen

Meer weten?

Dit is maar een klein deel van ons aanbod. Kijk voor meer informatie en meer activiteiten op de website van de bibliotheek bij jou in de buurt:

* foar Heit en Mem

www.sbmf.nl (Leeuwarden e.o.) www.ontdekdebieb.nl (Noord Fryslân) www.bibliotheekdrachten.nl (Drachten) www.bibliothekenmarenfean.nl (Zuidwest Fryslân) www.bzof.nl (Zuidoost Fryslân)


Namme (5): ‘Juf hat froeger mar ien letter leard op skoalle, mem. Want as ik wat fertel, seit se altyd “o”.’

BERNEPRAATSJES Hat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei ynfo@heitenmem.nl.

‘De molke fljocht hjir de doar út!’ ropt mem, dy’t op syk is nei molke yn de kuolkast. Sikke

Marlena (7) zegt dat Djuna

(2) draaft nei de doar, giet op syn

een tiener is, waarop

teantsjes stean en sjocht nei bûten.

Djuna zegt: ‘Nee hoor, ik

‘Wêr dan? Ik sjoch neat!’

ben 9.’ ‘Oh,’ zegt Marlena, ‘dan ben je een neger!’

As mem har omklaait, besjocht Siske (6) mem har wite búk ris goed en seit: ‘Mem liket wol in sniepop.’ Sybe (3) is wat toarstich. ‘Mem, ik ha sa’n drinkenhonger!’

Lieke (3) is oan it bôle-iten, mar se hoecht net mear. Mem seit tsjin Lieke dat se it al efkes opite moat, wêrop’t Lieke suchtet en seit: ‘Wat in toestand...’

Martijn (6) mei in gleske fris by de patat en dat is wol efkes wennen. ‘Oe mem, ik krij hjir fertrietlike eagen fan!’

Mem en Kris (3) ride tegearre by in hiele lange kas del. Mem leit him út dat dêr tomaten, paprika’s en komkommers groeie. Kris liket it te begripen, mar wol noch ien ding witte. ‘Groeie dêr ek knijpfruitjes, mem?’

20

21


Ik wol fierder mei myn dream ‘“Dapper”, sizze guon freondinnen, no’ t wy de fjirde yn ús gesin ferwachtsje.’ Hiltje hellet de skouders op. ‘Wy fine it krekt hiel gesellich’, seit se. ‘We hawwe der bot sin oan. Ik bin sels de fjirde út in rige fan fjirtjin en myn man Wietse komt út in rige fan fiif bern. Wy wenje lekker bûtenút, ticht by Aldegea (S). De bern hawwe net in soad prikkels, útsein alles wat op ús eigen hiem bart. Se kinne moai mei-inoar boartsje en groeie mei-inoar op. It is allegear best te dwaan, ast mar foar eagen hast watsto graach wolste. Dan kin der in soad! Wy witte al oft it in jonkje of in famke wurdt en wy hawwe ek al in namme foar de lytse poppe, mar dat is it dan ek. It keammerke is noch net klear en in kaartsje hawwe wy ek noch net útsocht. Krekt as by de oaren hawwe we sels in namme betocht. Foar in moaie tekst op it kaartsje wol ik noch eefkes goed de tiid nimme. Gelokkich hawwe wy noch in pear wike. Fierder hawwe wy help fan in nanny, Miranda. Miranda is ús twadde

nanny en komt út Sint-Nyk. Se is no in goed jier by ús en it befalt geweldich. Har tiden stimme wy ôf op myn baan. De bern binne sljocht op har en sy rêdt har mei alles! Sadwaande ha ik ek alle tiid foar myn eigen wurk njonken de húshâlding. De bern hoege net nei de opfang en kinne mei-inoar as broerkes en suskes opgroeie. Myn man Wietse runt de buorkerij en ik ha in parttimebaan yn de soarch. By Ikenhiem, in lytsskalich ferpleechhûs yn Beetstersweach, begelied ik kliïnten mei net-oanberne harsenletsel, bgl. ûntstien troch in spiersykte of in ûngelok. Fansels ha ik net foar neat nei skoalle west. Ik ha in protte nocht oan myn wurk en ik bin ek fan doel om fierder te learen. Earst wolle wy alles goed op ’e rit hawwe mei ús húshâlding en dan wol ik fierder mei myn dream. Myn doel is letter in soarchbuorkerij oan hûs te begjinnen, foar autisten of jongeren mei gedrachsproblemen. Mar no earst wol ik my konsintrearje op de komst fan de lytse.’ Wolst witte hoe't de befalling fan Hiltje gien is en hoe't de poppe fan Hiltje en Wietse der út sjocht? Gean nei www.heitenmem.nl foar it ferfolch!

Bisto yn ferwachting en wolst ek meidwaan oan dizze rubryk? Mail in foto fan dysels mei in koart ferhaaltsje derby nei ynfo@heitenmem.nl


Hiltje Kooistra (31) is 35 wiken yn ferwachting fan har fjirde berntsje. Hiltje en har man Wietse binne 6 jier troud en ferwachtsje ein septimber in broerke of suske foar Jelte (hast 5), Marije (hast 3) en Jurre (1). 22

23


Tine van Knijff

De gewone Hollandse pot, daar kom je het verst mee als je je graag aan de nieuwe Schijf van Vijf wilt houden: aardappels, vlees, groente, brood en fruit. Familiediëtiste Jildou Tuinman-Leemburg zweert erbij en ook moeder IJmkje Hernamdt wil niet anders: ‘Zo deden onze ouders het al en wij brengen het over op onze kinderen.’


Lastig, die nieuwe Schijf van Vijf? Gebruik je boerenverstand! Afgelopen voorjaar introduceerde het Voedingscentrum de nieuwe Schijf van Vijf. En dat was best even schrikken. Want noten en peulvruchten stonden er eerder nog niet op. En minder brood, maar meer groenten? De meeste kinderen eten liever een boterham dan extra groente. ‘De nieuwe Schijf van Vijf is even wennen’, erkent Jildou. ‘Vooral het “meer groente eten” jaagt ouders schrik aan. Het is voor veel kinderen moeilijk voldoende groente binnen te krijgen, de meesten krijgen te weinig.’

‘Proeven moet, maar maak er geen strijd van aan tafel.’ IJmkje, moeder van Wytze (11) en Fraukje (8), herkent dat: ‘De kinderen vinden niet alle groente die ik klaarmaak lekker. Ik vind dat ze sowieso een paar happen moeten proeven. Onder dwang het bord leegeten hoeven ze niet. Dat moesten mijn man Klaas en ik vroeger: eten wat de pot schaft. Het werkt niet bij onze kinderen.’ Jildou sluit zich daarbij aan: ‘Ouders bepalen wat en wanneer er wordt gegeten, kinderen bepalen zelf hoeveel ze eten. Proeven moet, maar maak er geen strijd van aan tafel. “Bordje moet leeg” werkt overgewicht in de hand: kinderen leren zo hun eigen verzadigingsgevoel niet kennen. Als je kind aangeeft dat het genoeg heeft gehad, mag je ervan uitgaan dat dat zo is.’ Extra groentemoment Jildou’s advies om toch genoeg groente binnen te krijgen is simpel: bied het op meerdere momenten van de dag aan en

24

25

op verschillende manieren. ‘Doe schijfjes tomaat of komkommer op brood, verse groente in de soep en creëer ’s middags een extra groentemoment met een stuk komkommer, tomaat of paprika. Dan ligt er ook minder druk op het avondeten.’ ‘In de zomer lukt dat goed’, vindt IJmkje. ‘Als we een dagje weggaan neem ik vaak komkommer, druiven of meloen mee. Kinderen eten en drinken niet veel als het warm is en zo krijgen ze toch genoeg binnen.’ IJmkje koopt de ene keer verse groente, de andere keer groente uit blik of pot. ‘Daarin ben ik ook prijsbewust. Is verse groente in de aanbieding, dan ga ik daarvoor.’ Jildou is niet per se tegen op blikgroente. ‘Als groente bewerkt wordt gaan er wel voedingsstoffen verloren, maar soms is het gewoon fijn als kinderen in elk geval iets van groente binnenkrijgen. Probeer het dan inderdaad af te wisselen.’

‘Dan doen wij het behoorlijk goed!’, ontdekt IJmkje. ‘We zijn alle vier echt van de Hollandse pot. En we houden ook van een visje op zijn tijd.’ De nieuwe Schijf van Vijf vermeldt voor het eerst ook noten en peulvruchten. ‘Daar zitten ook goede vetten in. Goede alternatieven voor kinderen zijn notenpasta en pindakaas’, adviseert Jildou. Gezond én lekker De Schijf van Vijf is dus best te doen voor gezinnen. Waar gaat het dan fout? ‘Bij de tussendoortjes’, aldus Jildou. ‘Daar kun je andere keuzes in maken. Koekjes, snoepjes en frisdrank kun je vervangen door een extra snee brood, een extra stuk komkommer en water of thee drinken.’

Qua avondeten ziet Jildou veel pasta en rijst voorbijkomen. ‘Ouders zijn zich vaak niet bewust van de hoeveelheden die daarvan worden gegeten. In pasta zitten veel meer calorieën en veel minder voedingsstoffen dan in bijvoorbeeld aardappels.’ ‘Wij zijn niet zo van de pasta’, vertelt IJmkje. ‘Misschien één keer in de week macaroni of rijst, maar daar blijft het wel bij.’

‘Onze kinderen zijn qua gewicht aan de lichte kant’, vertelt IJmkje. ‘Zij drinken wel ranja en yogi, dat kunnen ze best hebben vind ik. Ik mag ook graag bakken, zelfgemaakte appelflappen vinden ze heerlijk. Daar heeft Wytze zelfs wel eens op getrakteerd op school.’ ‘Traktaties op school en wat lekkers op verjaardagen moet kunnen’, vindt Jildou ook. ‘Maar tussen het koekje als ze uit school komen en het avondeten zitten heel wat uren, helemaal met de nieuwe continuroosters. Om vier uur, half vijf krijgen veel kinderen nog een koekje of snoepje. Dat kun je vervangen door een extra groentemoment.’

Aardappels, vlees en groente is dus een betere keuze. ‘En ja, daar mag best vette jus bij’, lacht Jildou. ‘In ouderwets Hollands eten zit de meeste energie. En goede vetten zijn belangrijk. Daarnaast wordt er wel meer vis gegeten in gezinnen, maar vaak niet standaard elke week. Dat zou iets meer mogen worden.’

Jildou pleit er bij ouders voor “hun gezonde boerenverstand te gebruiken”. ‘Ouders zeggen vaak: we willen wel normaal eten hoor. En dat is ook het beste: Hollandse pot, brood en fruit. En houd het veelzijdig.’ Daar sluit IJmkje zich bij aan: ‘Dat zeggen wij ook altijd: doe maar gewoon. Wij eten gezond én lekker!’


Boeken oer kranen, trekkers, skelters en mear...

Alice Hoogstad

Alice Hoogstad

Tjibbe Veldkamp &

Tjibbe Veldkamp &

Bern meie net op it bouplak komme, dat wit Bouwe bêst. Op in dei krûpt meie net op it bouplak komme, er al ûnder it stek trochBern en bestjoert dat wit Bouwe bêst. Op in dei krûpt de wals, de semintwein en de kraan. er al ûnder it stek troch en bestjoert Wêrom docht er dat? de wals, de semintwein en de kraan. Wêrom docht er dat?

• KOM ÚT DY KRAAN!!

KOM ÚT DY KRAAN!!

et een Bekroond m

fel Zilveren Grif 2016

Tjibbe Veldkamp

Kom út dy kraan!! Bern meie net op it bouplak komme, dat wit Bouwe bêst. Op in dei krûpt er al ûnder it stek troch en bestjoert de wals, de semintwein en de kraan. Wêrom docht er dat?

& Alice Hoogstad

€ 13,95 4-6 jier


Dizze boeken binne û.o. te krijen yn de Fryske boek- en kadowinkel fan de Afûk of online te bestellen fia websjop.afuk.nl

Wat rydt dêr? In kraan, in trekker, in betonauto - al dy grutte masines meitsje yndruk op in bern. Yn dit boek komme in protte fan dy masines foarby. De teksten binne op rym en op de plaatsjes is in protte te sjen.

€ 14,99

€ 13,50

0-4 jier Stevich, dik kartonboek, 16 x 16 x 4 sm

It aldermoaiste trekkerboek Fierwei it aldermoaiste trekkerboek. Giest in rûntsje mei op 'e trekker? Sjoch wat der achter de flapkes sit en harkje nei de lûden dy't der achterwei komme. Fansels makket de trekker in protte lawaai! 0-4 jier Frysk, stevich kartonboek mei 16 flapkes en 5 lûden.

€ 10,50

Skelte wol in skelter Skelte wol graach in skelter, mar dat mei net fan heit en mem. Fan pake wol, mar oft dat goed giet...

Ut: Kom út dy kraan!!

2-5 jier

Mar Bouwe sit al achter it stjoer. ‘Even sjen oft ik de semintwein bestjoere kin’, seit er. Hy start de motor, rydt in eintsje en stoart beton op ’e dyk. ‘Ek dat noch!’, jammerje de grutte jonges. ‘Is dat jonkje gek wurden?’

26

27

Bouwe klimt út ’e semintwein. Hy swaait wer nei de grutte jonges. ‘No gean ik yn ’e kraan’, seit er. ‘Net dwaan!’, roppe de grutte jonges. ‘Hast krekt it stek platriden, en in auto, en hast beton stoart op ’e dyk! Wolst noch mear ûngelokken meitsje?’ Mar Bouwe klimt al yn ’e kraan.


Tante Tjits lêst Tije

Tjitske van Dijk www.tantetjits.nl

€ 14,95

Tije Tekst en yllustraasjes: Mirjam van Houten In boek foar bern fan 6 – 9 jier oer in plakje fine yn in nije omjouwing. Mei prachtige yllustraasjes fan de skriuwster sels.

Tije sil ferhúzje. Fan de romte nei de stêd. Elkenien docht krekt as is dat geweldich. Tije leaut der neat fan. Hy wol net in gruttere keamer of op judo. Hy wol folle leaver in grut hiem en in goare dreksleat! It libben fan Tije stiet op ’e kop. Mar Tije is net lytsbernich. Hy stapt op syn skelter om de stêd te ferkennen. Samar hat er syn earste freon: Tseard. Tseard wennet mei syn rôt Nynke op in skip. Mei Tseard hoecht Tije him net te ferfelen. Op skoalle moat Tije wol bot wenne. Hy komt yn in klasse fol mei lawaaiïge bern en in juf dy’t spûkbenaud is fan bisten. Lokkich falle de bern alles mei as Tije se ienkear wat better ken. Mar wat docht Tseard ynienen nuver! Wêrom giet er net nei in bistedokter mei Nynke? Wêrom makket er it lekkende dak net? En wêrom liicht er tsjin Tije? Tseard en Tije krije ôfgryslik spul en dat liket net goed! ‘Tije’ is in lekker (foar)lêsboek. Hiel werkenber foar bern fan de romte (lykas ik!) en foar bern út ’e stêd (lykas dy fan my!). Alles belibbest mei Tije mei. Lûdop laitsje as juf op ’e knibbels troch de skoaltún krûpt. De siken ynhâlde as Tije in grutte frachtwein stopje litte moat. En eefkes twa kear slokke as Tije him sa allinne fielt. De yllustraasjes dogge mei. Lyts en ienfâldich of paginagrut en sels troch de tekst hinne; altyd passend by it ferhaal. Mar… wat is no úteinlik moaier? De romte of de stêd? De romte is geweldich, kinst der safolle belibje en útfine. En de stêd? Dêr kinst fansels krekt itselde oer sizze! Dus Tije kiest net wat moaier is. Klear. En hy hat gelyk.

Ut it boek Tije Treurich sjocht juf nei de deade fisken. Dan pakt se Tije by de skouders en sjocht him yn 'e eagen. 'Tije, kinne wy ôfprate dat dit tusken ús bliuwt?' Tije draait syn mûle op slot mei in ûnsichtbere kaai. 'En no?', fregetjuf. 'Wat dogge wy mei Spetter en Speedy? Troch de wc spiele? ' 'Nee’, seit Tije. 'Dat is sneu. Wy moatte se begrave!' Njonken it akwarium leit in skepnetsje. Tije skept de fisken út de bak. 'No nei bûten ta.' Tegearre rinne se troch de lege gongen. Juf hat it skepnetsje yn 'e hân. Gelokkich komme se net ien tsjin

yn skoalle. Dêr is de doar nei it skoalplein. Tije rint foarop. 'Dêrhinne', seit er. 'Achter it fytsehok.' Ynienen komt der in fuotbal om 'e hoeke fan 'e skoalle oanrôljen! De fuotten dy't by dy fuotbal hearre komme der ek oandraven! Storm! sjocht Tije, Storm is noch op it skoalplein! Hurd werom yn 'e skoalle! Tije lûkt juf oan har jas nei de doar. Mar o! Troch it glês fan 'e doar sjogge se Brolsma, de skoaldirekteur, oankommen!


Nútsjesmoar Eppie Dam ferhaal 6-9 jier

€ 15,0 0

€ 5,-

28

29

‘Jûn komt omke Gjalt by ús te iten’, seit mem. ‘Dus in bytsje fatsoenlik as it kin. Net smakke en net mei de folle mûle prate.’ Marten en Marije sjogge elkoar oan. Omke Gjalt? Noait fan heard. ‘Pake syn âldste broer’, seit heit. ‘Hy wennet yn Hollân, mar hy is o sa op it Frysk. Dus jûn is it bak en net beskút.’ Marten en Marije sjogge elkoar nochris oan. Dat moat wol in hiel bysûndere omke wêze, sa’t heit en mem oer him prate. Kertier foar fiven, dêr is omke. It liket mear in pake, tinkt Marije. Mar goed, as heit en mem sizze dat it in omke is.. Healwei seizen sitte se by de tafel. Marten en Marije sizze gjin wurd. Se hâlde har yn. Se smarre de bûter mei lange fingers en kauje de bôle mei lange tosken. Sa heart dat by omke Gjalt. Mar wat docht dy rare pake-omke no sels? Hy praat mei de folle mûle! En hy smakt! Tjap-tjap-tjap, tjippe-tjappe-tjop! ‘Omke mei net mei de folle mûle prate’, seit Marten. ‘Marten!’ ropt mem. ‘Hâld dyn fatsoen!’ Mar dat dócht Marten toch? Hý praat net mei de folle mûle. ‘Omke smákt ek’, seit Marije. ‘Wy meie hjir net smakke by de tafel.’ ‘Marije!’ ropt heit. ‘Hâld dy katoen!’ Marten en Marije sjogge elkoar oan. No jááá hee...! It is in hiel skoft stil. Dan seit Marije: ‘Omke Gjalt, mei ik in bak?’ ‘Jawis wol, leave’, seit omke Gjalt. Hy jout Marije de bus mei bakken oan. Marije sjocht nei heit. Heit knikt. Marije hat it goed sein: net beskút mar bak. Moarn mei se wer sizze fan beskút. It is wer in hiel skoft stil. No, stil... omke smakt mar troch. Dan seit Marten: ‘Omke Gjalt, mei ik de pinnekaas?’

‘Mar jonkje dochs!’ seit omke Gjalt. ‘Ik bedoel: de pindakaas!’ seit Marten gau. ‘Hy bedoelt: de pindatsiis’, seit heit. ‘Jim moatte dy bern better Frysk leare’, prottelt omke. ‘Pindakaas is nútsjesmoar.’ ‘Graach de nútsjesmoar’, seit Marten dan. Omke jout him de nútsjesmoar. Marten fynt it ynienen net lekker mear. Se ite wer fierder. ‘It smakket my bêst’, seit omke Gjalt. Ja, tinkt Marten, en it smakt noch better. Mar hy seit it net lûdop. Hy moat syn fatsoen hâlde. Omke net. Dy slurpt oan de molke. En de molke is net iens hyt mear. Omke hat syn flijke op de râne fan de panne lein. Dat mei seker as je omke binne. Marten fynt it nuver. Dan freget Marije: ‘Omke, meie jo gjin nútsjesmoar?’ ‘Och leave, ik bin gjin lyts bern mear’, seit omke. ‘Mar goed, dêr sille wy in grap fan ha. Ik yt by jim in bak mei nútsjesmoar.’ Omke Gjalt docht bûter op syn bak. Hy smart him fol mei nútsjesmoar. Hy set de tosken yn de bak. Mar dan... oe hearken, dêr plakke syn tosken oan elkoar! Omke Gjalt begjint te kokhalzjen. Hy kin der wol yn smoare. Hy spuit syn tosken der samar út. It hiele keunstgebit giet oer de tafel. Marten en Marije komme net mear by. ‘Wat in goeie bak!’ ropt Marije. ‘Typys nútsjesmoar!’ seit Marten. ‘Och, smoar mei dyn nútsjesmoar’, skelt omke Gjalt. Hy hat de smoar yn. Hy faget him de smurry fan it kin. No, as dat fatsoenlik is...? Ut: De elandkop fan omke Romke


Monique Flinker


Kleureblyn? Dat is net sa swart-wyt Sa’n acht prosint fan de jonges is kleureblyn. By famkes komt it minder faak foar: 0,4 prosint fan harren hat dy ôfwiking. Mar wat is it no krekt? En wat betsjut it? Eins is ‘kleureblyn’ net hielendal in goede term. Want fierwei de measte minsken mei dy ôfwiking sjogge wol kleuren. Mar se sjogge se net allegear. En guon kleuren lykje foar harren o sa op elkoar. Lykas by Hendrik Posthumus. Hy is 38 jier. Op de basisskoalle kamen se derachter dat er kleureblyn is. ‘Ik bin net in hiel slim gefal hear’, seit er. Hy fynt it ûnderskied tusken read en grien hiel lêstich. Dat is ek de meast foarkommende fariant. ‘Dy kleuren lykje foar my hiel bot op mekoar.’ Giel gers Hendrik fernaam it foar it earst op de basisskoalle. ‘Myn earste herinnering dêroan is dat ik it gers giel kleure.’ Ut de test fan de skoaldokter die bliken dat er kleureblyn is. ‘It wie lêstich mei it kleurjen en fervjen, mar fierder rêde ik my der aardich mei op skoalle.’ GGD Fryslân test alle bern op de basisskoalle yn groep 2 op kleureblinens. Dat dogge se mei in spesjale metoade. Dêrmei moatte bern siferkes sjen yn kleurde rûntsjes. De kleuren binne sa op mekoar ôfstimd dat ien dy’t de ôfwiking hat, de siferkes net (goed) sjocht. As kleureblinens fêststeld wurdt, dan wurde fansels earst de âlders bypraat. En as dêr

30

31

tastimming foar is, ek de juf of master. ‘Die kan daar dan rekening mee houden in de klas’, fertelt GGD-arts Aafke de Koning. ‘Bijvoorbeeld door opdrachten een beetje anders te doen. Vraag niet om bepaalde woorden met kleuren te markeren, maar laat de kinderen ze onderstrepen. En plak namen van kleuren op de stiften’, neamt De Koning as foarbyld. Erflik Kleureblinens is in erflike ôfwiking. Je wurde der mei berne en it giet noait wer oer. By Hendrik sit it yn de famylje, syn pake hie it ek. Sels hat Hendrik trije bern. De âldste twa, fan seis en fiif jier, binne net kleureblyn. De jongste moat noch twa wurde en is dus ek noch net testen. ‘It is moai dat myn twa âldsten it net hawwe, mar hie dat wol sa west, dan wie it ek gjin ramp’, seit Hendrik. Je moatte der rekken mei hâlde, mar der is prima mei te libjen, fynt er. Fansels binne der wol sitewaasjes dat er it fernimt. As er oan it knutseljen is mei syn bern bygelyks. ‘Dan twifelje ik hiel bot oft ik wol de goede kleur haw.’ En as er yn de hjersttiid yn it bosk kuieret, dan lykje alle kleuren op mekoar. ‘It is hiel dreech út te lizzen oan ien dy’t it net hat’, seit er, ‘mar ik kin dan net sjen oft in bledsje read, brún of grien is.’ Mar wat feroarsaket no krekt kleureblinens? ‘Kleurenblindheid wordt doorgegeven via het zogenoemde x-chromosoom. Dit betekent dat als opa kleurenblind was, de kans groot is dat het via zijn dochter (de moeder) weer bij de zoon komt’, leit GGD-arts De Koning út. ‘Een gezond oog kan de drie hoofdkleuren

onderscheiden: rood, groen en blauw. Daarmee zie je zo’n 160 kleuren en wit’, ferfolget se. ‘Om die hoofdkleuren te kunnen onderscheiden, zitten er cellen oftewel kegeltjes in je oog. Als die kegeltjes niet goed werken, dan ben je kleurenblind.’ Al neamt se it sels leaver net kleureblyn, want dat ropt in soad ferkearde yndrukken op. Kleuren zwak ‘Vaak denken mensen dat iemand die kleurenblind is, alles in zwart-wit ziet. Dat is bijna nooit het geval. Daarom zou het eigenlijk ‘kleurenzwak’, of ‘gestoord kleurenzien’ moeten worden genoemd’, fynt se. Foar de measte âlders dy’t te hearren krije dat harren bern kleureblyn is, komt it net hielendal as in ferrassing. ‘Meestal was er al een vermoeden en vallen de puzzelstukjes op hun plaats. Een enkele keer zijn ouders oprecht verbaasd’, seit De Koning. Foar âlders jout de GGD net echt advizen om dingen oars te dwaan. ‘Dat heeft weinig zin. Misschien dat een kind thuis een keer twee kleuren sokken aantrekt, maar hoe erg is dat eigenlijk? Wij richten ons vooral op de school.’ De Koning wurket as skoaldokter yn Frjentsjer en Harns. Yn dat gebiet stelt sy gemiddeld by ien of twa jonges yn ’e moanne kleureblinens fêst. By famkes is dat ien of twa kear yn it jier. Hat soks ek grutte gefolgen foar bern? Op skoalle kin der tsjintwurdich goed rekken mei hâlden wurde. Mar bepaalde beroppen binne útsluten foar minsken dy’t kleureblyn binne. Tink oan it wurkjen as piloat of masinist. Dêr is it ûnderskieden fan kleuren wol letterlik fan libbensbelang.


Nynke van der Zee

‘Dat wie in prank, mem’

Kopke-ûnder yn de jongereintaal ‘Justerjûn wie echt epic!’ ‘Ik sit dy te dissen, kill.’ ‘Nee mem, dat wie in prank.’ Wa’t mei opgroeiende bern oan tafel sit, kin eltse dei hiel wat nije wurden byskriuwe. Wurden as prank, fatoe en patas binne tsjintwurdich deistige kost. Wolkom yn de wrâld fan de jongereintaal.


Mei syn trijen sitte se op de bank, alle trije in tablet of telefoan op skoat wêrmei’t se yn in hânomdraai it YouTube-kanaal witte te finen. De trije soannen fan Femke Steensma út Reduzum – 5, 9 en 12 jier – dogge alle dagen nije wurden op dy’t se online hearre. ‘Op dit stuit binne se yn de ban fan Yarasky en CromoTag’, fertelt Femke. ‘Dat binne Nederlânske gamers dy’t op YouTube fideo’s poste. Dêryn brûke se hiel wat wurden dêr’t ik noch nea fan heard ha. Popo’s bygelyks, dat is de plysje. Mar ek wurden as noob en spawnen. Der giet letterlik in wrâld foar dy iepen.’

‘Taal is een uitstekend middel om je te onderscheiden van anderen.’ Eigen identiteit ûntwikkelje Ek by Femke Hellings, kommunikaasjewatcher, fleane der alle dagen nije wurden oer de tafel. ‘Mijn zoons van 10 en 12 gebruiken in elke zin wel het woordje prank (practical joke). Wat ik ook veel hoor is fatoe en kill. Fatoe is een grap en kill is kerel. En oh ja, een dab is een coole beweging of groet. Je moet het maar weten. De nieuwe woorden komen vooral via vloggers ons huis binnen. Dat zijn vaak interneticonen, zoals Enzo Knol. Wanneer een klasgenoot zijn vlog heeft gezien en die woorden gebruikt, gaan anderen dat overnemen. Het is een vorm van puberen: je afzetten tegen je omgeving om zo je eigen identiteit te ontwikkelen met een groepje.’ ‘Iedere generatie heeft zijn eigen taal’, knikt Vivien Waszink, taalkundige by it Instituut

voor de Nederlandse Taal. ‘Taal is een uitstekend middel om je te onderscheiden van anderen. Toen ik jong was gebruikten we woorden als cool, vet en lauw. Wat je nu ziet is dat door internet en social media de wereld steeds kleiner wordt. Jongeren pikken via bijvoorbeeld YouTube, Snapchat, Twitter en Instagram steeds meer Engelse termen op. Maar ook woorden en termen uit het Surinaams (Sranan), het Berber en het Papiaments hoor je veel terug in de jongerentaal van nu. Het is een multiculturele mix van woorden en uitdrukkingen, die een verrassende nieuwe taal oplevert.’ Benaud foar ‘taalverruwing’ Hoewol’t in grut tal wurden út de jongereintaal yntusken hast ta it ABN heart, binne der ek regionale ferskillen, wit Vivien. ‘Zeker in grote steden als Amsterdam, Rotterdam en Den Haag, waar relatief meer jongeren wonen waarvan de ouders niet uit Nederland komen, spreken jongeren van bepaalde afkomst onderling weer een eigen taal. Je ziet dat de meest bekende woorden daarna langzaam doordringen tot de provincies. Veelal gaat dat via social media. Ook jongeren in kleine dorpen hebben deze nieuwe woordenschat via bijvoorbeeld YouTube tot hun beschikking.’ Benaud wêze foar ‘taalverruwing’, sa’t ús eigen heit en mem dat eartiids wiene, hoecht echt net, belooft Vivien. ‘Wat je bij jongerentaal ziet is dat het enkel om woorden en uitdrukkingen gaat. Soms gebruiken jongeren een afwijkende spelling wanneer ze met elkaar appen, maar het is geen taal met eigen grammaticale regels. Het wordt vooral gebruikt in de eigen groep

tijdens informele situaties, naast het gewone ABN. Jongeren zijn heel goed in staat om te schakelen tussen alle talen.’

‘Ik vind het wel vermakelijk wanneer er af en toe een woord voorbijkomt dat ik niet ken.’ Wurden googelje Ek Femke Hellings fernimt dat har soannen harren taal automatysk oanpasse oan de situaasje. ‘Wanneer ze vrienden over de vloer hebben, vliegen de vreemde woorden je om de oren. Maar wanneer ze in de klas zitten, praten ze gewoon Nederlands. En zolang ze goede cijfers halen voor taal vind ik het niet zorgelijk. Sterker nog, ik vind het wel vermakelijk wanneer er af en toe een woord voorbijkomt dat ik niet ken. Maar probeer als ouder vooral niet mee te doen door deze woorden zelf te gebruiken. Dat wordt niet gewaardeerd, weet ik uit eigen ervaring’, laket se. As de sinne him sjen lit yn Reduzum moatte de trije jonges fan Femke Steensma harren tablet en telefoans ynleverje. ‘Hup, lekker bûten boartsje’, ropt se. Sels sjocht Femke noch gau efkes op de tablet foardat er de kast yn giet. ‘Ik googelje faak wurden dy’t de jonges brûke. Gewoan om te tsjekken oft it troch de beugel kin. It is krekt as op ús fakânsjes yn Denemarken: ik ferstean de helte net, mar ik wol wol graach witte wat se sizze’, knypeaget se.

Wat seist? Elisabeth Paulusma: ‘Us soan fan 12 ropt moarns foardat er nei skoalle moat: “Mem, doch efkes myn chapsel on point”. Dêrmei bedoelt er dat ik syn hier dwaan moat mei gel.’

32

33

Evelyn Verburgh: ‘Wy hearre hjir bygelyks útdrukkingen as “Squad” (groep freonen), “Was een fatoe, kill” (wie in grap, kearel), “Doch net sa skeer” (doch net sa mâl; skeer kin ek ‘nuver’ betsjutte), “Je bent mijn bæ” (do bist myn skatsje) en “Nais” (‘nice’, mar se skriuwe it op syn Hollânsk).’

Baukje Okkema: ‘De âldste is 6 jier. Komme we in groep fammen foarby op ’e fyts, ropt er: “Chickiiieeees!” Tsja, net allinnich by pubers dus…’


Froukje Sijtsma


Lit bern bรปten op รปntdekking gean:

se leare in soad yn de natuer 34

35


Lekker boartsje yn ’e modder, drave oer paadsjes fan houtsnippers of dy ferstopje yn tunnels. It is hartstikke goed foar bern om bûten te boartsjen. Yn de bûtenloft wêze en bewege is net allinnich sûn foar bern, it is ek hiel belangryk foar harren ûntwikkeling.

‘Kinderen pikken buiten dingen op die ze achter de televisie of op hun tablet niet zo snel kunnen leren’, fertelt Ineke Oenema, lektor Early Childhood oan hegeskoalle Stenden yn Ljouwert. ‘Buiten is een hele rijke leeromgeving waar kinderen de natuur beleven, nieuwe materialen ontdekken, maar ook hun eigen grenzen kunnen leren kennen.’ Sa leare bern mei fuotbaljen ôfstannen yn te skatten, glydzje se út op wiet gers of ûntdekke se har eigen skaad at se boartsje yn ’e sinne. Oenema is derfan oertsjûge dat bern eins hielendal net makke binne om stil te sitten. ‘Ze moeten hun energie kwijt. Door goed te bewegen ontwikkelen ze hun grove en fijne motoriek. Buiten mogen ze lekker schreeuwen en gek doen. In de praktijk blijkt dat kinderen met gedragsproblemen vaak ook veel beter functioneren als ze regelmatig naar buiten kunnen.’ Neffens Jan Bosscha, direkteur fan de griene basisskoalle De Wielen yn Ljouwert, jildt dat ek foar bern op skoalle. ‘Het Nederlandse onderwijs is heel erg gericht op het overdragen van kennis in de klas. Je ziet gelukkig dat scholen zich er tegenwoordig steeds bewuster van worden dat kennisoverdracht buiten het schoolgebouw ook heel belangrijk is.’ Kreativiteit By bûten boartsjen wurde bern útdage om harren kreativiteit te brûken. ‘Ze mogen dingen op hun eigen manier ontdekken en oplossen.’ Bygelyks de bern dy’t de opdracht krije om fan hout in boat te meitsjen. ‘Het ene kind stapelt de houtstukken allemaal op elkaar, terwijl het andere kind de blokken hout dwars op elkaar

legt en zo een drijvend bootje maakt. Door ze zelf met materialen te laten knutselen, komen ze uiteindelijk met hele creatieve oplossingen.’ En dêrby meie je bêst smoarch wurde of fouten meitsje, fynt Bosscha. Trije jier lyn binne de grize tegels op syn skoalplein foar it grutste part ferfongen troch gers, beammen, blommen, paadsjes en in grientetún. ‘Het is prachtig om kinderen in de natuur dingen te laten ontdekken. Je ziet dat kleuters zich in onze schooltuin vermaken als ze wormen of torretjes in de modder zien lopen. En het is echt niet erg als ze een beetje vies worden.’ Yn de skoaltún is ek in wetterplaske mei stiennen deromhinne. ‘Laat ze maar balanceren op die stenen en hun route over het water uitstippelen. Natuurlijk heb je dan de kans dat je een natte sok oploopt, maar dat hoort er allemaal bij.’ Grenzen verleggen Alders binne fansels wolris bang dat har bern bûten wat oerkomt. Oenema seit dat it dêrom belangryk is om dyn bern in feilich gefoel te jaan. ‘Als je kind weet dat je er voor hem bent, durft hij zijn grenzen te verleggen.’ Bosscha follet oan: ‘Natuurlijk is er buiten gevaar, maar kinderen leren juist door vallen en weer opstaan. Een schommel of glijbaan lijkt in het begin misschien eng, maar door te proberen leren kinderen hun grenzen opzoeken en afbakenen.’ Uteinlik fiele bern har grutsk at it har dochs slagget om allinnich fan dy glydsbaan ôf te gean. ‘Die persoonlijke ontwikkeling is ook op andere fronten weer belangrijk voor hun toekomst’, leit Oenema út. ‘Zo leren ze om signalen op te pakken, verbindingen te

maken en uiteindelijk om een zelfstandig mens te worden.’ Bern kinne fansels in hiel soad út boekjes leare, mar at je it har sels ûndersykje litte, begripe se it faak better, leit Bosscha út. Basisskoalle De Wielen leit yn in griene, parkeftige omjouwing yn Camminghabuorren en dêr makket de skoalle tankber gebrûk fan. Yn de skoaltún sjogge de bern bygelyks hoe’t de natuer groeit en bloeit. ‘Leerlingen hebben hier zelf zaadjes in de grond gestopt en helpen met het verzorgen van de tuin. En nu zien ze hoe daar aardappelen, boontjes en zonnebloemen uit groeien. Kinderen worden zo heel bewust van hun omgeving’, seit Bosscha. ‘Kinderen leren zo ook processen te begrijpen’, follet Oenema oan. ‘Ze snappen dan ook wat het verhaal achter de bloemkool in de supermarkt is, die komt ook ergens vandaan. Door die kennisoverdracht uit de natuur worden kinderen zorgzamer voor hun omgeving.’ Skoaltún Fansels moat dy griene skoaltún ek ûnderhâlden wurde. De learlingen fan De Wielen spylje dêr in belangrike rol yn. ‘Ieder kind heeft zo nu en dan corveedienst in de tuin. Ze moeten bijvoorbeeld onkruid wieden. Misschien niet het meest leuke klusje, maar het geeft kinderen wel een verantwoordelijkheidsgevoel’, mient Bosscha. Los fan alle foardielen foar de ûntwikkeling fan de bern is it ek gewoan hiel noflik om bûten te wêzen. ‘Als wij op vakantie gaan kiezen we toch ook een mooie omgeving uit. Je kind speelt ook liever onder een boom, tussen mooie bloemen, dan op een leeg en grijs schoolplein.’


LEO, JAREN LATER Als ik door de binnenstad loop, komt een vrouw naar me toe en vraagt me: ‘U bent toch kinderarts?’ Ik knik. Ze pakt mijn hand en zegt: ‘Ik wil u nog bedanken. Jaren geleden werd onze zoon, Leo, geboren en hij werd na een dag heel ziek. U hebt voor hem gezorgd. Weet u het nog? Het is goed gegaan en nu is hij al groot en heeft nergens meer last van. Hij heet Leo. Weet u het nog?’ Tja, Leo was ik nooit vergeten. Hij was thuis geboren en na een dag vond de verloskundige hem niet lekker en bracht hem naar het ziekenhuis. Ik zag een bleke, kreunende zuigeling. Hij stopte al zijn energie in het ademen. In mijn opleiding tot kinderarts had ik geleerd: een voldragen zuigeling die na de geboorte zo doet heeft een infectie, een hartafwijking of een stofwisselingsziekte. Met de verpleegkundigen van de couveuseafdeling deden we wat moest: zuurstof geven, aan de bewaking leggen, bloed afnemen voor onderzoek, infuus inbrengen en vocht geven om de bloedsomloop te ondersteunen. We voelden goede polsslagen in de armen en hals, maar niet in de liezen en aan de voeten. Dat is een typisch verschijnsel voor een vernauwing van de aorta, de grote lichaamsslagader. Deze verschijnselen ontstaan meestal na een dag als een buisje tussen de longslagader en de aorta (Botal’s buisje) dichtgaat. Gelukkig is er een medicijn (PGE) waarmee we dat buisje weer open kunnen krijgen. Dat gaven we Leo en dat deed hem goed, zijn kleur verbeterde. Omdat hij zo ziek was, legden we hem aan de beademing en belden met de intensive care voor pasgeborenen in Groningen. De kinderartsen van die afdeling haalden Leo op met een speciale ambulance. In Groningen werd een hartecho gemaakt. Hierop werd de vernauwing gezien en niet lang daarna werd hij geopereerd. Dat ging goed, maar was natuurlijk wel spannend voor zijn ouders. Na een week kon hij naar huis. Vanwege zijn hartafwijking bleef hij in Groningen onder controle, mijn hulp was daarbij niet nodig.

Tjalling de Vries (1959) is sinds 1991 algemeen kinderarts in het Medisch Centrum Leeuwarden. Hij is getrouwd en vader van drie kinderen: Fedde (1991), Marga (1995) en Anne (1998).

36

37

Moeder bedankt mij en daarmee veel mensen: verpleegkundigen, kinderhartspecialisten, ambulancepersoneel en alle anderen die achter de schermen hun steentje bijdroegen: van hartchirurg tot schoonmaker. Ook bedankt ze de mensen die ons kinderartsen leerden hoe kinderen die zo ziek zijn op te vangen en erachter te komen wat er aan de hand is. Als ze wegloopt, gaat ze een winkel binnen, ze loopt naar een blonde jongen; het zal Leo zijn. Moeder zegt wat tegen hem en hij draait zich om, kijkt naar me en steekt zijn hand op, zonder te lachen. Hij kent me niet, maar ziet er gezond en sterk uit. Gelukkig maar.


Op รปntdekkingsreis yn Park Vijversburg

Janneke de Boer


‘Pieeee-eh, pieeee-eh!’ Al twa nachten hearre Kick en Saar nachts rare lûden. Se wurde der kjel fan, mar dan betinkt Saar in plan en geane broer en sus midden yn ’e nacht op ûndersyk út. As se de dyk útdrave hearre se it lûd út Park Fiversburch kommen. It is net fier mear en Kick pakt Saar by de hân, tegearre stekke se de dyk oer. Yn Speurnoazen yn Park Fiversburch nimt skriuwster Astrid Kuiper de lêzer mei yn in spannend aventoer. Mei troch de nijsgjirrige tekeningen yn mysterieuze kleuren wurde bern prikkele om fierder te lêzen, mei in folwoeksene of hielendal

Park Vijversburg, yn de folksmûle bekend as ‘Bosk fan Ypeij’, is tsjintwurdich folle mear as in bosk; in plak dêr’t keunst, kultuer en miljeu-edukaasje gearkomme. It park is oanlein yn de njoggentjinde ieu. It âldste part stamt sels út 1720. Yn it hjoeddeistige park kinst noch altyd de saneamde follys weromfine, dy’t harren oarsprong hawwe om 1850 hinne. In folly is in nutteleas bouwurk dat inkeld tsjinnet as dekoraasje. Yn it ferline waarden by in bûtenpleats faak follys boud om de wolfeart fan de eigeners sjen te litten. De follys fan Park Vijversburg binne de grot, de kluzenershutte en de blauwe koepel. Foaral de grot hat in grutte oantrekkingskrêft op bern én folwoeksenen. Fanút de blauwe koepel hiene de eardere bewenners sicht op harren lân en oare besittingen. Hjoed-de-dei sjocht de besiker itselde, al is it lân feroare yn in golfbaan. Fansels is der yn ’e rin fan ’e jierren in protte oanpast en sûnt 2005 waait der in frisse wyn troch it park; it is flink útwreide en der is foar jong en âld fan alles te rêden. In ferrassend park It fernijde park bestiet út ferskillende dielen. Neist it histoaryske diel fan it park, mei syn follys en nijsgjirrige slingerpaadsjes, binne inkelde hiel bysûndere nije parkdielen oanlein. Audrey Stielstra, fan Park Vijversburg: ‘It is in ferrassend park. Bern drave de slingerpaadsjes oer om te sjen wat der om ’e hoeke te finen is. De dwaaltún lit besikers

38

39

hearlik dwale. It âlde part en de nije dielen slute op elkoar oan. Ferskate tema’s binne mei-inoar ferbûn troch de skiednis. Eartiids hiene je it park yn in oere wol besjoen, dat is no fierstente koart.’

Dan hearre se earrebarren klepperjen, boppe op in peal sjogge sy it manjefike nêst fan it swart-wite pearke. Mei dêromhinne allerhanne nestkastkes yn fleurige kleuren. Wat soene sy graach witte wolle wa’t dêryn wenje, mar om de earrebarren net te steuren rinne se fierder. In eintsje fierderop rollebolje se in djippe kûle yn en meitsje se fierderop wille yn de kleurrike hingmatten. Sille we in boekje lêze, jonges? Nee hear, se hawwe it fierstente drok en drave al yn de rjochting fan de beamhutte.

Al kuierjend komme je yn it gebiet Ooievaarsnest, dêr kinne je efkes luierje yn hingmatten mei boeken út de boekemasine of genietsje fan de prachtige kleuren op de pompoenheuvel. ‘In grut part fan ús besikers binne âlders of pakes en beppes mei bern. Wy wolle bern graach op in positive wize mei natuer yn ’e kunde komme litte, dat kin yn Park Vijversburg op in net twingende manier. Alders hawwe hjir de romte om nei eigen ynsicht frij mei harren bern mei miljeuedukaasje dwaande te wêzen. It gebiet

sels. De tekst is nammentlik yn in dúdlik lettertype drukt, mei rûnom wyt, en it boek is skreaun yn ienfâldich Frysk; ek geskikt foar jonge Frysk-lêzers. De tekeningen fan Monique Beijer binne kombinearre mei foto’s fan Evert Winkel. Dy miks soarget foar in ferrassend effekt en jout it berneboek in unike útstrieling. Mei Speurnoazen yn Park Fiversburch kin der omraak fantasearre wurde. It boek is hiel goed te lêzen as in op himsels steand ferhaal, mar ek o sa geskikt yn ’e oanrin nei of tagelyk mei in besite oan it echte park; lekker grizelje!

Ooievaarsnest, betocht troch keunstner Tobias Rehberger, is in wiere ûntdektún’, ljochtet Stielstra ta. Tusken Ooievaarsnest en Frijlân rinst troch it part dat de namme Dwaalster krige hat, in stjerfoarmich lânskipsûntwerp mei hege hagen. Foarby de hagen lizze de heuvels fan Frijlân, mei lang bloeiende planten, nei ûntwerp fan Piet Oudolf. Dy túnarsjitekt is bekend fan syn Gardens of Remembrance yn New York, in tún ta oantinken oan de oanslaggen dêre op 11 septimber 2001. De boarterseleminten binne fan de hân fan Heilien Tonckens. Der is in wetterboartersplak mei in wetterpomp, beamstammen en in sânbak én in wetterlabyrint; in moai gebiet om lekker te boartsjen.

Gau skoppe se de skuon fansiden; wetter hat op bern in magyske oanlûkingskrêft. Mei de knibbels op it flot en in peddel yn ’e hannen spatterje se efterinoar oan troch it labyrint. Rûnom brechjes, beamkes en kleurrike begroeiïng. Plûns, plûns, plasket it. Se peddelje omraak en reitsje net útboarte. As it dan lang om let tiid om nei hûs is, freegje se yn koar: ‘Mem, meie we noch eefkes yn dy peal klimme?’


In húshâlding is in soarte fan bedriuw datst runst. Alles moat effisjint regele wurde en de dingen ferrinne al gau neffens in fêst stramyn. Dan kin de oandacht foar de relaasje wolris ferjitten wurde. Dat seit gesinsen relaasjeterapeut Wietske Dijkstra fan Wijzijn de Praktijk yn Ljouwert.

Klasina van der Werf


Tiid foar elkoar De relaasjeterapeut sjocht yn har praktyk yn Ljouwert geregeld dat âlders fan jonge bern nei fiif of seis jier minder tefreden wurde mei it lykwicht yn it gesin. ‘De petearen gean allinnich noch mar oer de bern, troch te min sliep libbest fysyk op de “overleefstand” en de seks stiet op in leech pitsje. Partners fernimme wol dat it net goed giet mei de relaasje en tinke dat se net mear fan inoar hâlde.’ Wietske Dijkstra advisearret stellen om tiid foar elkoar te nimmen. ‘Sjochst jonge heiten en memmen útinoar groeien. Froulju binne bygelyks lilk omdat de man net soarchsum is, wylst mannen it gefoel hawwe dat se net oan de ferwachtingen foldogge. Meitsje it besprekber. Freegje hoe’t it mei de oar giet. Wat fynst leuk en wat net? En wat wolsto graach?’ As relaasjeterapeut probearret Wietske altyd de ferbining te sykjen: Wat is dyn ferlangen, wat fine jimme allebeide fijn? En dan is it ek noch belangryk datst de oar witte litst watst sa graach wolst en wat de reden dêrfan is. ‘Giest alwer nei it fuotbal?’ komt hiel oars oer as: ‘Ik begryp datsto it leuk fynst om nei it fuotbal te gean, mar ik wol ek graach wer ris wat tegearre dwaan. Want ik bin wiis mei dy as man.’

‘Quality time is essinsjeel.’ It is neffens Wietske Dijkstra wichtich om wer in útdaging te finen dy’t de oandacht ferleit nei wat oars as de bern. ‘Asto bern krigest fielst dy dêr ferantwurdlik foar en wolst sa goed mooglik foar se soargje. Dêrtroch is it soms dreger om inoar as partners te berikken. Probearje út te finen hokker

40

41

wearde jimme foar elkoar hawwe. En jou inoar erkenning. Sis bygelyks datst bliid bist dat de oar syn bêst foar dy docht.’ Wietske seit dat it hawwen fan bern krekt ek hiel fersterkjend wurkje kin yn in relaasje. Ek by Meinte (29) en Laura (28) Meinsma fan Wjelsryp is dat it gefal. Sy wiene acht jier tegearre doe’t harren soan Jelmer (no 21 moanne) berne waard. Sechtjin moanne letter kaam Thomas (4,5 moanne) der by. ‘Us hiele libben is troch de bern feroare. Wol yn positive sin. It is in hiele ferriking. Mar it bliuwt swier. Bist altyd heit en mem en de nachten binne soms koart. Ik libje fan sliepke nei sliepke en tuskentroch ha ik soms in oerke “frij”. Myn útstapkes bestean no út besites oan de boarterstún’, fertelt Laura. ‘Wy hawwe altyd in fêste taakferdieling thús. Meinte is ien middei allinnich thús mei de bern en ik twa dagen. It húshâlden dogge wy tegearre. Wy probearje elke moanne in jûntsje oppas te regeljen sadat wy tegearre wat leuks dwaan kinne. Sûnt Thomas der is, is dat noch net slagge, mar wy wolle dat aanst wol wer oppakke. Ik tink datsto altyd oan dyn relaasje wurkje moatst, oars giet it mis. “Quality time” is essinsjeel.’ Ek Meinte docht syn bêst om de oandacht foar de bern en syn frou sa goed mooglik te ferdielen. ‘Dat giet net fansels. Moatst der wol wat foar dwaan. By ús giet dat gelokkich wol goed. De bern lizze om sân oere op bêd en dan hawwe wy tiid foar elkoar. Wy ha wol in drok libben, want jûns hawwe we ek gauris wat, mar no’t wy bern hawwe kieze wy der bewust foar om ek wolris in feestje oer te slaan. Oars hawwe wy noait tiid foar elkoar.’

Hilda Merkus (31) en Arjaan Adema (34) út Damwâld werkenne harren wol yn it ferhaal fan Meinte en Laura. Sy binne 12,5 jier byelkoar. Op 13 septimber 2011 waard harren soan Jesper berne. Krekt in jier earder hiene sy harren dreamreis nei Amearika makke. ‘Wy hawwe altyd moaie reizen makke, giene faak op stap of út iten. Gewoan spontane dingen. No’t wy twa bern hawwe, kin dat net mear. Moatst alles planne’, seit Arjaan. Hy hat der gjin problemen mei. ‘Ik kin my net mear in libben sûnder bern foarstelle.’ Sûnt de berte fan Jesper (4) en Lisan (2) binne Hilda en Arjaan noch mear in team, fine se sels. ‘Wy wurkje beide minder en dogge thús alles tegearre. Dêrtroch binne wy ek tichter nei inoar ta groeid. Allinnich it begjin fûnen wy hiel pittich, troch dy koarte nachten. Dan is it lontsje wat koarter. No’t wy de balâns fûn hawwe, is it allegearre goed te dwaan. Mar wy hawwe ek maklike bern, dat skeelt tink ik wol’, seit Hilda. Ek kwa opfieding sitte se op ien lijn. ‘Soms spylje de bern ús wolris tsjinelkoar út. Dan sizze se bygelyks dat it wól fan mem mei. De krêft fan in goeie relaasje is om mei inoar te praten ast it net iens bist.’ De tiid fan spontane útstapkes tegearre is foar Hilda en Arjaan foarby. Mar elk jier geane se wol in wykein tegearre fuort. Ek hâlde se de romantyk deryn troch elkoar te ferrassen, mei in kaartsje, in boskje blommen of in itentsje. ‘Hearlik fine we dat. Even krekt as froeger fan inoar genietsje en prate sûnder dat der ien fan ’e bern tuskentroch komt.’


SkoalTV

9-12 Tsjek!

6-9 WitWat

Skik

3-6 Kening Hert & Harry Hazze

Wat tekenje ik?

skoal.tvSkoal.TV


It K-wurd ‘Kut-uur mem, dêr hienen wy ’t op skoalle oer.’

Ciska Noordmans

ferhaal 9-12 jier

42

43

Mem lûkt de wynbrauwen op en sjocht Jort freegjend oan: ‘Ik leau net dat soks yn groep 7 op it roaster stiet, Jort’, seit se. ‘Echt wier’, seit Jort en syn eagen laitsje ûndogensk, mar hy doart mem hast net oan te sjen. Hat hy mem eefkes moai tuk! Prank! Hy wit bêst dat hy it K-wurd thús net sizze mei, mar juf Wytske hie ’t echt, stjerrende wier oer ‘kut-uur’, mei in lange ‘uu’, ‘kutuuuur’ dus. En no’t er der oer neitinkt snapt hy dêr eins likemin wat fan as fan de lol fan it K-wurd, dêr’t mem meastentiids sa lilk op reagearret. ‘It gong oer de finsters dy’t iepen moatte’, fertelt Jort. ‘Laat er maar een frisse wind over Friesland waaien, hat juf sein.’ Dat wol fansels wol mei de finsters iepen. Oant safier hat Jort it noch wol begrepen. Dêrnei hat juf ferteld oer in nije haadstêd mei muzyk, teater en in hiele protte minsken dy’t út it bûtenlân nei Fryslân komme. Dêr waard it al wat fager. By him thús steane der gewoan plantsjes yn it finsterbank. En minsken út it bûtenlân steane oant no ta ek net op ’e stoepe. Lit stean dat sy mei him prate soenen. Eins wie ’t ek wol in spannende gedachte, hoe soe ‘kut-uur’ eins yn it Spaansk klinke? ‘Frisse wyn?’ seit mem, ‘dan tink ik oan opwaaiende himdsjes oan ’e line. Gong it miskien oer “haute couture”? Dat is Frânsk foar moade dy’t troch ûntwerpers betocht wurdt om minsken op te kideljen mei nije ideeën. Dat is yndie wol wat dreech foar bern út groep 7.’

Jort suchtet. ‘Lit mar mem.’ Mar mem hâldt oan. ‘Fertel dan ris wat mear, Jort’, seit se nûgjend. ‘Hast it bygelyks ferkeard ferstien en klonk it as “cuter”? Da’s in Ingelsk wurdsje foar skattiger. Leave wurden meitsje de wrâld moaier’, seit mem dreamerich. ‘Nee!’ ropt Jort no nidich. Dit giet wier de ferkearde kant út. Mem is as in pitbull as it om taal giet. Dy hâldt noait wer op. Jort telt yn syn holle oant trije. Syn geduld is allang op. ‘Frisse wind, vensters open, mensen die dingen doen of maken. Ze komen allemaal naar Friesland’, werhellet Jort de wurden fan juf Wytske. ‘Oh ja… it duorret noch eefkes foar’t dy karavaan mei minsken hjir oankomt. Juf hie ’t oer 2018. Dat is fansels wol in ferskuorrend lange reis. Miskien komme se wol rinnend!’ Jort sjocht mem fol ferwachting oan. Mar mear kin er him net yn ’t sin bringe fan wat juf Wytske ferteld hat. Yn gedachten sjocht hy it al foar him. Hy hat krekt Kruistocht in Spijkerbroek lêzen en lit de lange rigele frjemd ferklaaide minsken yn syn holle foarbyskowe. Mem hikket en prûst, sy is slop fan ’t laitsjen. ‘Jort jonge, jim hawwe praat oer kultuer, mei in “l”, en de kulturele haadstêd! Yn 2018 is Fryslân ien grut feest mei minsken dy’t inoar moetsje wolle. Sy litte wat sjen út har lân en wy meie wat fan ús provinsje sjen litte oan oaren. Of hearre litte.’ Jort stiet perpleks, mar moat dan laitsje. ‘Komme se hielendal hjirhinne om ús te besjen en it Frysk te hearren? Wat in grap! Dat sil nochris in spraakferwarring jaan!’


Opsisferske: Spetter, spetter, spetter stampe mei de learskes yn it wiete wetter. s

n in pla tampe y

sse wet te

r

Spetter, spetter, spetter dûnsje mei de learskes yn it wiete wetter.

Kraamzorg op maat, door één zelfstandige kraamverzorgster

draai in rûntsje/skodzje mei de heupen/draai mei de hannen

% (0514) 54 21 77 / (06) 12 33 84 19 www.zorgburodedriehoek.nl

Marije Bosma Lactatiekundige IBCLC Burgum

Alles om borstvoeding geven te ondersteunen!

Kom spelen

op onze agrarische

kinderopvang!

DeWielenweide.nl

Wat is dat? Ik fiel in gat! h nei doch oft der in gat yn ’e lears sit, sjoc ûnderen nei de learzen de plasse draai mei de punt fan de learzen yn

Leeuwarden

Informatie over: . geboorte . kraamtijd . borstvoeding . dragen . babymassage . en veel meer...

www.liefkleintje.com Nijewei 11 . 9212 . Boornbergum

Spetter, spetter, spetter alle teantsjes yn it wetter! (tekst: Riemkje Pitstra)


Ferhaal 1-5 jier

In pet mei poatjes Riemkje Pitstra Wa is dêr yn ’e tún? Mei de reade kypauto? It is Tomke. Hy siket bledsjes op it paadsje. De hiele kypauto sit fol. De auto moat leech. Tomke rydt nei it gers. Mar wat is dat no? Wat leit dêr yn it gers? It is brún. En blau. It is in… pet! Tomke rint om de pet hinne. ‘Dy pet is fan buorman Piter’, seit Tomke. ‘De pet moat yn ’e kypauto.’ Hy wol de pet pakke. Mar… de pet rint fuort! Hoe kin dat no? Tomke draaft nei buorman. ‘Buorman, buorman, kom gau!’, ropt er. ‘De pet fan buorman hat poatsjes!’ Dêr is buorman Piter

al. ‘In pet mei poatsjes?’, seit er. ‘Dat kin net, Tomke. In pet sit op ’e holle. In pet kin net rinne.’ ‘Sjoch dan!’, ropt Tomke lilk. It is wier. No sjocht buorman it ek. Syn pet rint troch de tún. Nei de boskjes. Hiel stil slûpe se nei de pet ta. Nei de pet mei de poatsjes. ‘Ik ha dy, pet!’, ropt buorman Piter. Hy grypt de pet fêst. En lûkt him omheech. Under de pet sit in… stikelbaarch! ‘Dogeniet’, seit buorman. ‘Bist ûnder myn pet krûpt? Sykje mar gau in oar plakje. Dizze pet moat op myn holle!’

Tomke bestiet dit jier 20 jier! It ferhaaltsje 'In pet mei poatsjes' stie yn it alderearste Tomkeboekje.

44

45


Te lêzen op www.heitenmem.nl Hokker taal praat jim pjut?

Als poepen een probleem is

Tomke is in echt Frysk mantsje. Mar guon fan hûs út Frysktalige pjutten en beukers ûntwikkelje in foarkar foar it Nederlânsk. Soms prate se noch amper Frysk. Dat kin tydlik wêze, mar soms ek bliuwend. Dy tendins komt benammen foar yn de wat gruttere wenplakken, mar ek wol yn hiele ‘Fryske’ doarpen. Boppedat sjogge je faak dat wannear’t de pjut sels hieltyd mear Nederlânsk praat, de minsken yn syn/har omjouwing it bern ek yn it Nederlânsk begjinne oan te sprekken. Sa wurdt it oanbod Frysk hieltyd lytser.

Veel kinderen hebben, soms al vanaf de babyleeftijd, problemen bij het poepen. Obstipatie, in de broek poepen en combinaties daarvan. Vervelend, zeker als een kind naar de basisschool gaat. Wat doe je als ouders? Afwachten of actie ondernemen? Lees het hele artikel voor de tips op www.heitenmem.nl

10 tips voor moeders voor meer balans!

Wolst graach dat jim bern ék Frysk praten leart? Lês de tips op www.heitenmem.nl

Veel moeders vinden het moeilijk om tijd voor zichzelf te nemen. De balans is daardoor soms ver te zoeken. Met als gevolg (over-) vermoeidheid, geen plezier meer hebben in de dagelijkse dingen en geen energie meer overhebben om nog iets leuks te doen of te genieten van hun kinderen. Dat kan anders!

Fryske e-cards Wy brûke hieltyd faker leuke e-cards / plaatsjes om te ferstjoeren fia de mail of op in oar syn Facebookside te setten. En wat is der no moaier as ien bygelyks te lokwinskjen yn it Frysk. Dêrom ha wy spesjaal foar jim ferskate e-cards makke. Efkes opslaan op dyn kompjûter en dan kinst ’m sa oeral foar brûke!

Met deze 10 tips zorg jij goed voor jezelf en vind je de balans weer terug tussen alle ballen die je in de lucht wilt houden! Kijk snel op www.heitenmem.nl

Besjoch se allegear op www.heitenmem.nl.

Vrolijke broodtrommels Eartiids krigen bern faak in appel of in mandaryntsje mei nei skoalle, gewoan sûn en simpel. Letter waarden de ferpakte koekjes hieltyd mear in trend. Mar sa stadichoan kieze de âlders wer hieltyd faker foar sûn, mar net altyd foar simpel. Kreative bôletrompkes binne no de trend! Lês de tips foar in sûn en kreatyf bôletrompke op www.heitenmem.nl


Grutte Martje: berne op: 31 desimber 1953 en wennet yn Driezum Lytse Martje: berne op: 27 septimber 2015 en wennet yn Nes Betsjutting Martje: masteresse, hearskeresse

‘Ik ha fjouwer dochters en allegearre ha se in famke dat nei my ferneamd is. Is dat no net moai? Bern wurde net sa faak mear ferneamd, dus dat is best wol unyk. Ik hie dêr earder nea sa by stilstien en wy hawwe it der ek nea echt oer hân mei ús dochters, dat it kaam best noch wol as in ferrassing. De âldste Martje is no tolve jier en ik stean op ’e foto mei de jongste Martje (sprek út: Martsje), se is hast al wer ien jier. As de famylje byinoar is binne der wol in soad Martjes, mar dochs is it net echt betiizjend. Want as wy in bepaalde Martje ha moatte, wurdt de efternamme der meastentiids by neamd. Ik bin sels ek ferneamd, want myn beppe hjitte ek fan Martje. En ik leau dat de namme sels noch fierder giet yn ’e famylje. Eins ha ik myn eigen namme noait sa hiele moai fûn, mar goed, ik hjit no ienkear sa. Ik sjoch Martje (fan de foto) sawat ien kear yn ’e wike. It is sa’n leaf en blier famke. Se laket hast altyd. Dat hat se echt fan Anneke, myn dochter. Dy wie foarhinne ek sa. Ik fyn it hearlik as de beppesizzers op besite komme. Se binne my allegearre like leaf. It is dan altyd gesellich en ja, beppe hat fansels altyd alle tiid.’

46

47

FERNEAMD MARTJE


websjop.afuk.nl

€13,50


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.