Page 1

gratis & fergees

NR.2 2020

d nloa Dow ees de rg ek fe & mem heit agend feest sje! edy

in pretecho De biologische tandarts famylje-opstellingen jong oan hûs heit Syb en mem Adriana en blyn MEI FOA RLÊSFERH A LEN, DE NI JS TE BERENBOEKEN, ÚTKNIPPL ATEN EN NOCH FOLLE ME A R…


ADVertentie Kinderopvang in Friesland

Buitenschoolse opvang | Kinderdagverblijf | Peuteropvang | Gastouderopvang

Gewoon geweldig

... wij bieden liefdevolle aandacht en geborgenheid voor ieder kind

Bekijk onze locaties op kidsfirst.nl

Elke dag een mooie dag! • kinderopvang • buitenschoolse opvang • peuteropvang • gastouderopvang U vindt ons op verschillende locaties in de gemeenten Heerenveen, Opsterland, Tytsjerksteradiel, Súdwest Fryslân, Harlingen, Smallingerland, Weststellingwerf en De Fryske Marren. T 0513 - 610 825 M info@kinderwoud.nl

Meer informatie over gastouderopvang vind je op kidsfirstgastouderbureau.nl

Vragen? Bel: 088 – 035 0400

Zwanger?

Maak kennis met de deskundige en persoonlijke begeleiding van Tineke Elzinga en Klaske Lyklema

Met aandacht voor jouw ideeën en wensen Bevallen: thuis of in het ziekenhuis en/of begeleiding in de kraamperiode Spreekuurlocaties: Drachten, Surhuisterveen en Harkema Contact: (0512) - 540 510 info@verloskundigenpraktijkwolkom.nl www.verloskundigenpraktijkwolkom.nl

kinderwoud.nl


Nei Oeral en Ikwitnetwêr Mei myn stikje hout reizgje ik Nei Oeral en Ikwitnetwêr. Tichteby en Hielfierfuort Myn houtsje bringt my dêr. Juster fleach ik nei Iiscoberch. De top wie wyt fan snie. It wie best kâld en ik wie bliid Dat ik myn sjaal om hie. Myn hannen makken in iglo. Dêr paste ik presys yn. It wie binnen hearlik smûk en waarm Beskut tsjin hurde wyn. Hjoed fear ik nei it Skier. In eilân yn ’e mist. Myn houtsje wie in hiel fluch skip. We wiene dêr foar ik ’t wist. It eilân sels wie prachtich. Myn eagen seach ik út. Ik woe graach langer bliuwe Mar myn skip woe wer foarút. Moarn dan geane we opnij op paad. Ik wit noch net nei wêr. Oerdekop of Bleatebips miskien? Myn houtsje bringt ús dêr.

Gedicht: Reina Smeink Kroodsma Yllustraasje: Berber van den Brink


ynhâld

NR.2

bab Loua’s a l K Hoeptiedoe Pakehag els Heksesop ls Fakânsjekorre Slikslak In koproltsje fleis

40

Dieuwke van der Meer (haadredakteur) ‘Wa wol der noch in treptút?’ ‘Jaa!’ roppe de bern entûsjast fanút de badkeamer. Se drave nei de overloop om heit tusken de treden fan de trep nei de souder troch in tút foar it sliepen gean te jaan. ‘In treptút.’ Dat is echt in thúswurd by ús. En witsto bygelyks wat der bedoeld wurdt mei in ‘hoeptiedoe’ of ‘fakânsjekorrels’? Sjoch gau op side 40, dêr steane noch folle mear thúswurden!

8 Thea van der Schaaf (redakteur) Earlik? It wie wolris hâlden en kearen om de bern oan it húswurk te krijen yn de tiid fan it thús-skoalwurk, earder dit jier. Ik ha se ek wolris wat tefolle holpen om it mar ôf te krijen, en we ha wolris in dei oerslein. Syb en Adriana dienen dat hiel oars mei harren bern. Yn de coronatiid ha se gjin skoalboek iepen hân mei Sinne en Jesse. ‘Dat kin noch wol 20 jier’, fine se. Se ha de tiid brûkt om in grientetún en in beamhut te meitsjen, en in teäter oan hûs. Benijd hoe’t se it grutbringen fan harren bern belibje? Do lêst it op side 8.

Kolofon Tjalling de Vries

Fotografy:

wurdt wurke neffens in

oare iepenbiere romten. Sjoch

Marrit de Schiffart

Hippe kiek fotografie by

redaksjestatút dat boarch

foar de ferspriedingslist op

Sjoeke www.hippekiek.nl

stiet foar de ûnôfhinklikheid

www.heitenmem.nl

Haadredaksje:

Korreksje:

Dieuwke van der Meer

Ytsje Steen-Buwalda

fan de redaksje. Redaksje-adres / útjouwer:

Losse nûmers:

Afûk

Dizze heit&mem is it twadde

Losse nûmers kinne besteld

nûmer dat yn 2020 ferskynd is.

wurde fia websjop.afuk.frl,

Redaksje:

Redaksje-adres /útjouwer:

Postbus 53

Ciska Noordmans

www.heitenmem.nl

8900 AB Ljouwert

Hieke Rienstra

ynfo@heitenmem.nl

www.afuk.nl

Skriuwers:

Printwurk:

ynfo@afuk.nl /

dy’t fia de gemeente yn it

Thea van der Schaaf

Ink69

ynfo@heitenmem.nl

Taalkado ferspraat wurdt.

Sjoukje de Boer

www.ink69.be

tel.: 058 - 234 30 70

Heit&mem is in meartalich

Nynke van der Zee

Foarmjouwer:

Distribúsje:

op âlders mei bern yn Fryslân.

Marieke Vinckers

BW H ontwerpers

Heit&mem wurdt fergees

Heit&mem is fergees te krijen

Utjûn mei stipe fan de

Klasina van der Werf

www.bwhontwerpers.nl

ferspraat yn in oplage fan

by boekhannels, bibleteken,

provinsje Fryslân.

Abel Reitsma

info@bwhontwerpers.nl

40.000 eksimplaren. Der

gemeentehuzen en in protte

foarsafier op foarried. Yn it foarjier ferskynt De lytse heit&mem, in útjefte

ISSN: 1878-4437

heit&mem kinst ek folgje fia:

tydskrift en spesifyk rjochte

Tialda Hoogeveen


16

Ciska Noordmans (redakteur) Fan guon dingen witst dat it goed is foar de ierde, mar soms wurd ik der ek wat flau fan… want is alle biologysk better? En foar wa dan? Foar de oanbieder, om’t ik mear betelje moat? En wat is it ferskil mei gewoan? heit&mem gie op ûndersyk út by de Biologische Tandarts Friesland. No wit ik dat dy toskedokter net allinne op dyn tosken past, mar ek noch in protte mear foar dy dwaan kin, omdat se yn dy praktyk wat fierder sjogge as de mûle allinne. Dat klinkt as ‘simsalabim’, mar it is eins hiel (bio)logysk.

Hieke Rienstra (redakteur) Us bern hâlde beide fan gesellichheid en drokte, hoe mear aksje hoe better. Dat Yfke (4) no nei skoalle mei fynt se dan ek hearlik, se genietet echt fan al dy leave berntsjes om har hinne. Mar jûns op bêd fernim ik dochs wat al dy prikkels de hiele dei mei har dogge. Lokkich wenne de drokke dagen rap, mar wy beslute dochs om op de frije dagen net tefolle te plannen. Lit se mar lekker thús ompiele. Dat it foar bern hielendal net ferkeard is om de dagen sa rêstich mooglik te hâlden, kinst lêze op side 30.

30

ynhâld 04 Kolofon 06 heit&mem post 08 Heit Syb en mem Adriana 10 Kollum Sjoukje de Boer 11 Help, ik ha bern! 12 Kijken naar wat wél kan als je (bijna) blind bent 14 Pippi Langkous & Omke Ule past op 16 De mond als spiegel bij de biologische tandarts 19 Sa prate wy thús 21 Bernepraatsjes 22 Us húshâlding 24 Famylje-opstellingen 26 De Lytse Walfisk

4

5

28 Ferklaaid! 30 Hoe kun je stress bij kinderen verminderen? 32 Nije boeken! 35 Kollum Abel Reitsma 36 Talen kleuren je leven 37 In Fries om utens 38 De 10 soarten boartersguod dy’t bern ‘nedich’ hawwe 40 Thúswurden 41 Kollum Tjalling de Vries 42 Pretecho op dyn eigen bank 45 Tomkeferhaaltsje 47 Ferneamd


Wolsto wat oan ús kwyt? In bysûnder ferhaal, in moaie foto, in goeie tip of gewoan dyn miening ergens oer? Mail it ús of stjoer it op! ynfo@heitenmem.nl

POST

Heit&mem Postbus 53 8900 AB Ljouwert. Of sykje ús op fia Facebook, Instagram, Pinterest of Twitter.

Op de cover Op de cover stiet Famke Geja Koopman (4) út Wolvegea. Famke fynt it moai om te tekenjen, te dûnsjen en te boartsjen mei har lytse broerke Jelte. Se sit krekt op skoalle en fynt dat hartstikke leuk. It aldermoaiste fynt se it om te boartsjen mei har nije freondintsjes.

Gemiste kans Ik lees jullie magazine al jaren, mijn moeder neemt het mee uit Leeuwarden. Superleuk en zo fijn om weer eens Fries te lezen. De onderwerpen zijn ook altijd interessant. Complimenten! Afgelopen week had ik het met mijn moeder over de taal die pakes en beppes met hun pake- en beppesizzers praten. Net als bij veel van hun vrienden en familie, wonen de kleinkinderen van mijn ouders niet in Fryslân. Dat heeft ze er gelukkig niet van weerhouden om altijd Fries te praten met mijn dochters. Ik wilde dat zelf ook graag. Niet alleen leren mijn dochters op deze manier míjn moerstaal, maar ook kunnen mijn ouders gewoon met hun kleinkinderen communiceren in de taal waar ze het meeste gevoel bij hebben. Bijkomend voordeel: als wij met de hele familie samen zijn is de voertaal Fries, en hoeft niemand te schakelen. (N.B. Mijn dochters praten Nederlands terug, maar ze verstaan álles.) Wat ons nu opvalt, is dat eigenlijk heel weinig pakes en beppes dat zo doen. Bijna iedereen kiest automatisch de voertaal van het huishouden. Ik heb hier in Groningen aardig wat vriendinnen van Friese afkomst, en die praten Nederlands met hun kinderen. Dat snap ik dan nog. Maar de Friestalige pakes en beppes praten dan ook Nederlands! Terwijl dat toch helemaal niet hoeft. Dat is toch een gemiste kans? Groetnis út Grins, Marike Visser

Poppeslok Drive-In Njoggentjin augustus binne wy de grutske âlders wurden fan ús soantsje Hendrik Titte. It oarspronklike idee om in kreamfeest te jaan, koe fanwege it koroanafirus net trochgean. Yn de kreamwike seine wy tsjin elkoar (yn earste ynstânsje as grap) dat wy wol in ‘Poppeslok Drive-In’ organisearje koenen. ‘As it net kin sa as it moat, moat it sa as it kin’, sei ús kreamfersoarchster. Sadwaande waard dit idee werklikheid. Goed twahûndert famyljeleden, freonen en bekenden rieden snein sânentweintich septimber in rûntsje oer it hiem fan ús buorkerij. De gasten waarden ferwolkomme mei kofje en gebak. Trûbadoer Jan Nota soarge ûnderweis foar in gesellige muzikale omlisting en op in grut skerm yn de greide waarden foto’s fan Hendrik fertoand. Efterhûs kamen de auto’s troch in tinte dêr’t wy yn stiene, mei Hendrik op ús earmen en de pakes en beppes fan Hendrik njonken ús. Troch it iepen raam fan de auto koene de lokwinsken op paste ôfstân oerbrocht wurde. By de útgong stiene goodiebags klear, mei in echte poppeslok (bierke of wyntsje) foar thús. Wy sjogge werom op in prachtige dei; wy ha in protte wille meielkoar hân en in soad entûsjaste reaksjes ûntfongen. En lytse Hendrik: dy hat de hiele dei hearlik koest op syn feest. ;) Peter, Aukje Antsje & Hendrik Nauta út Makkum


Poppe fan de moanne Is dyn poppe, buorfamke, neefke of beppesizzer de moaiste poppe fan de wrâld? Upload dyn foto op www.heitenmem.nl! De poppe mei de measte stimmen kriget in Frysk poppepakket tastjoerd. Dochst ek mei?

maaie 2020

juny 2020

july 2020

Hiske Boersma út Aldehaske (berne op 03.02.2020)

Noury Veenstra út De Westereen (berne op 17.03.2020)

Silke van Houten út Droegeham (berne op 23.11.2019)

Pjuttestreken

augustus 2020

septimber 2020

Yune Lisz Hamstra út Surhústerfean (berne op 24.06.2020)

Marije Drenth út Hoarnstersweach (berne op 03.07.2020)

Dit binne Joelle (links) en Jaliene (rjochts). Twa pjutten dy't tegearre it libben ûndersykje. Se kinne prachtich boartsje en hawwe in rike ferbylding. Sa ha se ferline jier ‘winterke’ boarte en de hiele sliepkeamer mei sniespray wyt sproeid. Joelle har grutte sus sammelt nagellak. Op in dei tochten de famkes dat se harren teanneiltsjes wol even skilderje koenen. It bleau allinne net by de teanneiltsjes, se ferven harren hiele fuotten mei nagellak op! P.S. In warskôge persoan telt foar twa ... bewarje de nagellak en sniespray bûten it berik fan dizze pjutten! Tjitske Landsman út Nunspeet

6

7


Heit Syb en mem Adriana


seit it alle dagen tsjin syn heit en mem. Syn sus Sinne wurdt altyd sjongend wekker. ‘It duorret gjin fiif minuten moarns, dan sjongt se al’, fertelt har heit Syb. ‘Dan pingelt se even wat op de piano, en komt se jubeljend de keuken yn. Dy sjongt álles.’

‘Ik song ek altyd. Ik song earder as dat ik prate. Dat wie by Sinne ek sa.’ Syb van der Ploeg wennet mei syn frou Adriana von Bannisseht en harren bern Sinne (6) en Jesse (4) yn it eardere skoalgebou fan Kûbaard. Se hawwe hiel wat ballen om yn de loft te hâlden, mei twa jonge bern, Syb as publyk persoan en tegearre in eigen teäter oan hûs. Hoe sjocht harren libben as heit en mem derút? Wat se weromjouwe ‘Ik groei noch altyd yn myn rol as mem’, fertelt Adriana. ‘Ik wit wol dat ik it bin, mar it kin my noch alle dagen oerfalle. Omdat de bern my júst sa’n soad weromjouwe. Al by de earste sekonden dat Sinne op de wrâld wie fielde ik dat. By dy grutte kikers dy’t my oanseagen, tocht ik fuort: wow, hallo, wat komsto my fertellen. Mei Jesse hie ik itselde. De bern hawwe noch safolle mear wiisheid as dat ik sels opboud ha – of miskien wol kwytrekke bin – yn dy 36 jier fan myn bestean. Dy omgekeardheid fûn ik hiel dúdlik.’ In hiel oar libben Syb: ‘It liket wol of sjochst fuort in hiel universum ast in bern foar it earst yn de eagen sjochst. Dat se ergens weikomme dêr’t al safolle achter sit. De enerzjy dy’t in bern mei­ bringt, fyn ik hiel yndrukwekkend.’ Op ’e nij heit wurde wie foar Syb hiel oars as mei de berte fan syn earste dochter Eva, 21 jier lyn. ‘De tiid wêryn’t Eva berne waard, gie folle flugger oan my foarby. Ik hie in hiel oar libben en sy waard oeral yn meisleept. Dat hat foar har ek net altyd leuk west. Ik wit wat dat oanbelanget safolle mear no’t ik âlder bin. En ik bin no mear thús, mei ús eigen teäter oan hûs.’

8

9

De coronatiid Dat eigen teäter, dat makken se yn de coronatiid yn de eardere gymseal fan it skoalgebou dêr’t se yn wenje. Alle sneinen is dêr in muzyk- of teäterfoarstelling te sjen. Syb: ‘Yn dyselde coronatiid ha wy in grientetún oanlein en in beamhut boud mei de bern. We wienen alle dagen oan it timmerjen. In prachtige tiid, se ha net ien kear yn in skoalboek sjoen. Dat kin noch wol tweintich jier fyn ik. Adriana en ik ha der beide ek flink mei de pet nei goaid wat skoalle oangiet.’

Wat se meikrije Adriana: ‘Dat is ek watsto trochjoust oan de bern. Wy allebeide wol. We sizze net sa gau “nee” of “kin net”. Faak sizze je soks út eigenbelang, omdat je ergens gjin tiid foar ha of de holle der net nei stiet. Wy tinke faker “ja, wêrom eins net”.’ Syb: ‘Wat dat oanbelanget binne wy gjin tradisjonele opfoeders. Der kin in soad by ús. It alderbelangrykste is dat se leafde en fertrouwen krije. Dan mar net konsekwint wêze en regeltsjes folgje, as se mar fiele dat we in ferskriklik soad fan se hâlde.’

Harren eigen jeugd Adriana groeide op as iennichst bern fan in Fryske mem en in heit fan Yndonezyske komôf yn it doarpke Reduzum. ‘Myn jeugd is kleure troch sport en in skoaltiid wêryn’t ik net útblonk yn it learen, mar wol mei elkenien goed opsjitte koe. Der wie in soad struktuer yn ús libben, heit hie fêste wurktiden en mem wie der altyd foar my. Mei harren leafde sûnder betingsten bin ik hiel beskerme grutbrocht.’ Syb syn dagen yn De Westereen sieten fol mei aventoer. ‘Aaisykje, fûgeltsjes fange, sleatsjespringe, en op skoalle in spanningsbôge fan amper in oere. Dan dreamde ik alwer fan wat ik nei skoaltiid soe. Ik wie altyd oan it fantasearjen en dat doch ik noch. Myn âlders ha my altyd yn alles fertroud en gewurde litten. Allinne as it echt moast, dan stjoerden se in bytsje by. Oft dat altyd goed wie, betwifelje ik. Mar dêrtroch bin ik wol yn alles op mysels begûn te fertrouwen. Ik bin nergens bang foar en baarn oeral yn. Alles is mooglik as je je dreamen neijeie, en je bêst dêrfoar dogge.’

Jesse en Sinne Syb: ‘Jesse is fan himsels in hiel leaf en sosjaal jonkje dat it foar elkenien goed dwaan wol. Dy sil noait ien kwea dwaan. In bysûnder jonkje dat it leafst altyd ticht by my is. Sinne is folle mear op harsels en kin ús wolris útdaagje. Se sjocht mei deselde ynteresse nei muzyk en sport as ik, mar nimt faak neat fan my oan. Dan wit se it better. “Sa moat it net heit”, en dan giet se wer sitten achter dy piano. Dan spilet se soms ferskes, dat is net te leauwen wat dêrút komt. Ek dat litte we gebeure. It binne mominten dêr’t we fan genietsje as heit en mem.’

Wêrom’t Sinne Sinne hyt, en Jesse gjin Rein? Lês it op www.heitenmem.nl. Dêr fynst ek de gedichtsjes dy’t op de bertekaartsjes stienen dy’t Syb en Adriana ferstjoerden.

Skriuwer: Thea van der Schaaf Fotograaf: Hippe Kiek fotografie

‘Heit, ik fyn dy leaf. En ik fyn mem ek leaf. Ik fyn jimme allegear leaf.’ Jesse


BLAU

Skriuwer: Tialda Hoogeveen Fotograaf: Hippe Kiek fotografie

Ik doch de doar iepen en sjoch yn deselde blauwe eagen. De herkenning docht my fersjitten, mar makket my ek waarm tagelyk. Hy hat deselde donkerbrune jas oan as doe’t wy elkoar foar it lêst seagen, sa’n twa jier werom. Wy dielden deselde stêd, deselde kroechjes en in freonskip. Ik doch in stap nei achteren, sadat er deryn komme kin. We krûpe mekoar oan. Ik hâld him beet. In brede rêch. Hy is lang. Langer as dat ik my herinnerje kin. We geane sitten oan de tafel. Teije sliept noch en we kletse by. We ha elkoar sa lang net sjoen. Der is safolle om oer te praten. Ik bin mem wurden en hy ergens heit. Earder skreau hy ús in kaart en sette dêr de earste letter fan syn namme ûnder. Hoe at ik him neam, freget hy. Ik neam dy by dyn namme, sis ik, en ik fertel Teije dan datsto syn heit bist. Want ‘donor’ klinkt sa kâld, sis ik, fyn ik. Dêr ha we it noait oer hân, betink ik my. Letter sil ik Teije útlizze wat in donorheit is. Ik ha yn de ôfrûne wiken in sjaal makke. In sjaal fan Teije syn earste babyklean. Syn earste truike, in romper, in pyama, in boxpakje. Ik ha der in kaart by skreaun en it leit op tafel tusken ús yn. Ik sko it nei him ta. ‘Foar dy’, sis ik. Hy lêst de kaart en slacht de sjaal om. De klean dêr’t Teije de earste tiid yn groeie mocht, hingje no om him hinne. Se holden Teije waarm al dy tiid en meie dat no by him dwaan. Hy is der wiis mei. Grutsk draait er in rûntsje om syn eigen as mei de sjaal om de skouders slein. Teije is wekker en ik rin nei boppen. Hy jengelt, wat oergiet yn gûlen. Ik rin nei ûnderen mei Teije op ’e earm. Dat it spannend is, fielt elkenien, allinne Teije jout dêr utering oan. It iis brekt langsum. We bouwe tuorkes fan blokjes, Teije dekt de tafel opnij en opnij mei syn eigen servys, hy dielt de kopkes út en fuorret ús mei hapkes ûnsichtbere fla. Hy laket, slacht mei syn hantsjes. Rint nei him ta, mar dan toch wer nei my. We kuierje troch de wyk. We litte sjen wêr’t wy no wenje en wêr’t ús libben him ôfspilet. En dan is de tiid alwer foarby. We sette him op de trein. Foar it poartsje krûpe wy mekoar oan. It binne dy eagen en dy hannen. It is de folwoeksen Teije dy’t ik hjir op ’e trein set. It fielt as loslitten fan wat ik noait echt hie. Hy stapt in wagon yn en hy is fuort. Ik gean nêst Teije op ’e grûn sitten, en tegearre mei him wachtsje ik oant it fluitsje klinkt en de trein begjint te riden. Oant dy tiid fertel ik oer ús freonskip en wat ik noch wit fan ús tiid foar Teije. Doe’t we noch in selde stêd dielden. De trein rydt fuort. De loft is blau. Ik beloof patat en we rinne nei hûs.

Sjoukje de Boer (1987) dosint, teätermakster, skriuwster, sjongeres en mem fan Teije (2019)


Help,

ik ha bern!

Dorien (36), moeder van drie kinderen van 6, 5 en 3.

Ik vind het soms lastig om de balans te bewaren tussen werk, kinderen, huishouden en alle andere ballen die ik in de lucht probeer te houden. Het lijkt net of vragen mijn kinderen meer en vaker om aandacht dan die van anderen. Niet altijd negatieve aandacht (Mama, wil jij het hondje spelen? Ren maar door de kamer!), maar ze willen wel altijd iets van me en daar heb ik niet altijd de energie voor. Hoe zorg ik ervoor dat mijn kinderen zich ook even alleen kunnen vermaken?

Erwin van der Veen en Carina Klinkvis schreven het prijswinnende boek Opvoedtakel. Ze zijn beide werkzaam in de jeugdhulp­verlening in Friesland en hebben een eenvoudige en doeltreffende methode ontwikkeld die zorgt voor meer rust en positiviteit in huis. Kijk ook op: www.opvoedtakel.nl.

Advies Erwin van der Veen & Carina Klinkvis: Wat een mooi en herkenbaar voorbeeld geef je. Ik denk dat veel ouders zich herkennen in de ratrace van huishouden, werken, opvoeden en sociale contacten. In ons boek Opvoedtakel is één van de drie pijlers goede zelfzorg. Zet jezelf als opvoeder af en toe op het hoofdpodium. Door goed voor jezelf te zorgen, ben je ook een belangrijk voorbeeld voor je kinderen. Durf eens eerlijk naar jezelf te kijken. Wanneer vermaak jij jezelf echt? Dus zonder extern vermaak of externe prikkels? Doe jij nog dingen die niet ‘kant-en-klaar’ vermaak bieden? De telefoon, tablet of tv zijn gauw gepakt voor als je éven een leeg momentje in je dag hebt. Zijn dat dingen waar je écht van

10

11

oplaadt? Krijg je daar écht energie van? Of is het een pauzestand in de drukke dag? Kinderen moeten van ons als opvoeder leren hoe ze zichzelf kunnen vermaken. Ze kijken van ons af. Als wij als ouder ons de hele dag bezighouden met kant-en-klaar vermaak, of een propvolle agenda, dan is het niet gek dat zij de kunst van zichzelf vermaken verleren, of niet ontdekken. Wat zijn jouw energiegevers? Een goed boek? Een activiteit waarbij je met je handen bezig bent, zoals schilderen of uitgebreid koken? Plan die activiteiten bewust in. Je kan je kind hierbij betrekken, maar het ook helemaal voor jezelf doen. En zeg eens wat vaker ‘nee’ tegen de vraag van je kind tot samenspel, of stel het even uit.

Ook kan het helpend zijn om eens kritisch naar het speelgoed te kijken. Daagt het hen voldoende uit? Of is het allemaal ‘kant-enklaar vermaak’? De magie bij speelgoed is ‘less is more’. Zet een deel van het speelgoed eens op zolder en rouleer met wat er beneden staat. Veel speelgoed is vaak een overkill, waardoor het kind de mogelijkheden niet meer ziet. Leef je kind voor in zichzelf vermaken, stap af en toe even uit alle verplichtingen en kant-en-klaar vermaak. En vervelen is niet erg. Even vervelen is de weg naar zelf iets bedenken. Een goede ouder is een blije ouder. En een ouder die zijn energiegevers bewust voor zichzelf inzet, zorgt goed voor zichzelf én zijn gezin.


Skriuwer: Tialda Hoogeveen Fotograaf: Hippe Kiek fotografie

Kijken naar wat wél kan als je (bijna) blind bent Als je kind (bijna) blind is, is je huis

Jip (7) is bijna blind. Daarnaast ademt hij door een canule en

superopgeruimd, ligt alles op een vaste plek,

krijgt hij zijn voedsel toegediend via een maagsonde. Toch gaat hij naar een reguliere school in het dorp. Moeder Natalie: ‘Hij is erg slim en maakt heel makkelijk contact.’

loop je met een stok en lees je via braille. Of niet? Jip en Sophie vertellen hun verhaal, samen met hun ouders. ‘Bij mensen die reageren met “moeilijk, moeilijk, moeilijk”,

Rick Kiebert & Nick van den Bos

haken we af.’

Om te weten wat Jip zijn zicht is, vraag ik hem: ‘Wat zie je als je in de spiegel kijkt?’ Verbaasd reageert hij met een: ‘Dan zie je toch jezelf?’ Het illustreert Jip zijn snelle denkvermogen en scherpe manier van communiceren. Zijn moeder Natalie (40) licht toe: ‘Met zijn linkeroog kan Jip niets meer zien, geen licht en geen donker. Met zijn rechteroog ziet hij nog een heel klein stukje door een plooi in zijn gele vlek, hij kan geen diepte meer zien. Beter zal zijn zicht niet worden, misschien wel slechter.’ We zitten aan de grote keukentafel van de boerderijkeuken, waar Natalie Jip net een portie sondevoeding heeft toegediend via de maagsonde. Twee zussen zitten in de woonkamer, het peuterzusje ligt in bed, en Jip heeft nog twee broers, van vijftien en twintig, waarvan de oudste al zelfstandig woont. ‘Jip is geboren na vijfentwintig weken zwangerschap’, vertelt Natalie. ‘Omdat hij niet goed kon ademen, heeft hij zuurstof toegediend gekregen. Als je een teveel aan zuurstof krijgt op het moment dat je ogen nog niet volgroeid zijn, dan kunnen je netvliezen aangetast raken doordat bloedvaten gaan woekeren en het netvlies eraf duwen. Dat is gebeurd bij Jip.’ Jip hangt aan zijn moeders lippen. Hij wil alles weten, stelt constant vragen. Maar los van zijn tomeloze nieuwsgierigheid moet hij ook letterlijk altijd dicht bij zijn moeder zijn. Want sinds Jip een aantal jaren geleden een canule kreeg om doorheen te ademen, moet er altijd een ouder of verpleegkundige geschoold in canulezorg in zijn omgeving zijn om de canule uit te kunnen zuigen, om te voorkomen dat hij stikt als deze vol met slijm komt te zitten. ‘Ik kan niet even de wasmand ophalen boven of zijn zusje in bed leggen zonder hem met mij mee te nemen.’ Om Natalie en haar man Ymte Jan te ondersteunen in de constante zorg, staat een pool van vijf verpleegkundigen dag en nacht klaar voor Jip. Thuis, als z’n ouders werken of weg moeten, en op school. Hoe de toekomst eruitziet voor Jip is ongewis. Natalie: ‘Nu breng ik hem vijf dagen per week op de tandem naar de dorpsschool, waar iedereen hem kent en lief voor hem is. Maar later op de middelbare school komt hij terecht in een wereld die best wel hard is en ik ben bang dat hij dan gepest wordt. Hopelijk valt het mee, want Jip is heel slim, open, vrij en vrolijk. Dat heeft hij mee.’


Wen er maar aan! Sophie (8) ziet sinds haar tweede jaar helemaal niets meer. Toch doet ze aan alles mee: van atletiek tot pianoles, van toneelspelen tot zwemles. Vader Ronald: ‘Mensen met een beperking verdienen een gelijkwaardige plek in de samenleving: wen er maar aan!’ ‘Mijn netvlies heeft losgelaten toen ik twee was’, legt Sophie uit. ‘Ze weten niet hoe dat is gekomen, het gebeurde.’ Haar moeder Elisabeth (41) vult haar aan. ‘We zagen dat de pupil van haar rechteroog wit werd. Eerst dachten de artsen aan staar, maar tijdens de staaroperatie ontdekten ze dat er littekenweefsel in haar oogbol zat. Toen ze zagen dat aan het linkeroog hetzelfde proces aan de gang was, hebben ze geprobeerd dat oog te redden. Dat is niet gelukt.’ Ze is even stil. ‘Het voelt alsof je iets bent kwijtgeraakt, een amputatiegevoel, een verlies…’ Ronald (46) valt haar bij. ‘We zagen bij Sophie letterlijk het licht uitgaan. Dat was heel moeilijk…’ Elisabeth tegen Sophie: ‘Ik weet nog het laatste dat je gezien hebt, de volle maan. Ik nam je op de arm mee naar buiten om ernaar te kijken.’ Ronald: ‘En het laatste boekje dat je hebt gezien is dat met die koning en die twee groene tantes.’ Sophie luistert aandachtig, vult haar ouders aan en stelt vragen. Ze is zeer welbespraakt, begrijpt haarfijn wat er met haar aan de hand is. Kortgeleden nog heeft ze de hele klas verteld over haar oogaandoening. ‘Ik was verdrietig, omdat kinderen niet altijd met mij wilden spelen. Ze willen in de pauze rennen over het plein en dat kan ik niet zoals andere kinderen. Toen heb ik tegen de meester gezegd dat ik een spreekbeurt wil houden over hoe ik blind ben geworden. Het heeft geholpen, want sindsdien spelen ze veel liever met mij. Toen een van de kleuters mij in diezelfde week liet schrikken, heb ik ook in groep 1 tot en met 3 uitgelegd wat er met mij aan de hand is.’ Sophie zit op een reguliere school in de buurt, waar een onderwijsassistent of soms een leerling uit groep 8 haar waar nodig begeleidt. Ook heeft ze een braillecoach. Ze heeft een laptop, waarop ze kan lezen en schrijven door middel van braille. Ook zijn er braille leesboeken aanwezig. Sophie is niet alleen blind, door een chromosoomafwijking heeft ze aan beide handen slechts één vinger en mist ze de voorste helft van beide voeten. Ronald: ‘Het is heel wisselend hoe mensen reageren als we zeggen dat we onze dochter willen laten meedoen. Dat merkten we bijvoorbeeld toen we een school of zwemlesmogelijkheid zochten. Er zijn mensen die reageren op een manier van “moeilijk, moeilijk, moeilijk”, dan haken wij

12

13

‘Het laatste dat je zag, was de volle maan’

meteen af.’ Sophie: ‘Juf Catrien van toneel is niet zo, en Frans Douwe van pianoles ook niet!’ Ronald: ‘Precies! Wij sturen Sophie vol vertrouwen de wereld in. Wen er maar aan, dat geldt voor de samenleving én voor Sophie. Tot nog toe is niks onmogelijk gebleken. Wij denken in mogelijkheden en niet in beperkingen. Uiteindelijk moet iederéén leren leven met zijn of haar mogelijkheden én beperkingen.’


Pippi Langkous & Omke Ûle past op PIPPI LANGKOUS it sterkste famke fan ’e wrâld! Wa ken Pippi Langkous net? It sterkste famke fan ‘e hiele wrâld! Se wennet hielendal allinnich yn Filla Keakelbûnt. No ja, net hielendal allinnich, want se hat in aapke en in hynder. En gelokkich komt har heit sa no en dan lâns mei in koffer fol goudstikken. Mei Tommy en Annika, dy’t neist har wenje, belibbet se de gekste aventoeren. Dizze Fryske edysje is makke ta eare fan de 75ste jierdei fan it ûndogenske famke mei de reade flechten. Yn it boek stean de dielen Pippi Langkous, Pippi Langkous giet oan board en Pippi Langkous yn Taka-Tukalân. Geweldich foar elk dy’t bern bliuwe wol. Astrid Lindgren (Sweden 1907-2002) har skriuwerskarriêre begûn eins op ‘e dei dat har dochterke om in ferhaal frege; dat waard in ferhaal oer Pippi Langkous. Dêrnei skreau se mear as tweintich boeken dy’t oer de hiele wrâld ferskynd binne. Har wurk waard talleaze kearen bekroand, û.o. mei de Hans Christian Andersenpriis en de Sweedske Steatspriis foar Literatuer. De oersetting is makke troch Martsje de Jong. Martsje oer ‘Pippi Langkous’: ‘Oan it begjin fan it ferhaal is Pippi Langkous acht jier. Mar dit jier wurdt se 75! 75 jier en noch altyd populêr. Dat komt om’t it hiele knappe ferhalen binne. Anargistysk. De humor dy’t deryn sit is universeel. It leuke fan Pippi is dat se rap fan tonge is en de gek hat mei folwoeksenen. De grutte minsken yn it ferhaal

binne net te fertrouwen – útsein de mem fan Tommy en Annika dan. De skriuwster, Astrid Lindgren, fûn datst bern serieus nimme moatst. Dat se mear kinne as datst tinkst.’ ‘Nei “Karlsson fan it dak” krigen wy it deroer dat Pippi no oan bar wie. Frij flot dêrnei krige ik in tillefoantsje: it moast mar wêze. Ik haw de nijste Sweedske edysje brûkt as boarne. Astrid Lindgren hat yn 1993 noch in kear nei de ferhalen sjoen en dingen feroare. Oarspronklik wie Pippi har heit bygelyks negerkening. Dat kin echt net mear en dêrom hat se dat oanpast. It Sweedsk leit trouwens folle tichter by it Frysk as by it Hollânsk. De sinsbou, de manier fan praten mei-inoar. Dizze Fryske Pippi is suver in lyts wâldpykje: “Moatsto ris hearre, bûke!”’ ‘Ik fyn de sêne geweldich wêryn’t Pippi sels in wurd betinkt: spûnk. Se giet dêrnei nei allegear winkels om te freegjen oft se ek in spûnk hawwe. Want ja, no hat se wol in wurd, mar gjin idee wat it is. Uteinlik fynt se yn har tún in lytse krobbe, dat wurdt har spûnk.’ ‘Foar dizze Fryske Pippi mochten we de platen fan yllustrator Carl Hollander brûke. Dy binne echt prachtich. De tekeningen út de Sweedske boeken binne folle platter. It moaist fyn ik dat Pippi in famke is mei sinnespruten en read hier. Froeger waarden sokke famkes pleage, no wol elk bern eins Pippi wêze!’

€ 22,50 7+

‘Dizze Fryske Pippi is suver in lyts wâldpykje.’


OMKE ÛLE PAST OP in prachtich printeboek foar pjutten en beukers Omke Ûle sit it leafst feilich thús. Hy hâldt net fan drokte en is oeral benaud foar. Hy is dan ek hielendal net bliid as er op syn neefke Eppy passe moat. Want Eppy wol de wrâld ûntdekke – op aventoer! Mar doart Omke Ûle dat wol? Prachtich printeboek foar pjutten mei tekst en yllustraasjes fan Paul van Dijk.

Paul oer ‘Omke Ûle past op’: ‘Dit is myn earste printeboek. Ik woe wat moais meitsje foar ús soan Hidde, dy’t no seis jier is. Dat waard Omke Ûle past op. Ik ha earst it ferhaal betocht en op rym skreaun. Doe’t ik dêr tefreden oer wie, ha ik de yllustraasjes derby makke. It is echt in printeboek foar pjutten en beukers, mei in soad byld en net tefolle tekst.’ ‘Ik kin net op in keammerke sitten gean en op kommando in ferhaal betinke, dat wurket foar my hielendal net. In idee foar in boek komt spontaan omheech buorreljen. Dat is moai, mar ek ûnhandich, want meastal bart soks as it my hielendal net útkomt. Omdat ik ûnder de dûs stean, of oan it hurddraven bin, dus

14

15

echt op sa’n momint dat ik ek gjin pinne en papier by my ha om gau wat op te skriuwen. As dat slagget set ik dan in oantekening yn myn telefoan, dy’t ik letter útwurkje. En soms fyn ik it dan hielendal net mear sa’n goed idee, mar dat is net slim, der komt altyd wol wer wat nijs.’ ‘Ik socht in bist dat wol wat húslik liket en fan lêzen hâlde kin. Dy dingen passe wol by in ûle yn myn eagen. Boppedat komme ûlen net faak as haadpersoan yn printeboeken foar.’ ‘Omke Ûle sit leafst de hiele dei thús yn syn beam, mei in boek. In hiele saaie ûle dus. Dat komt om’t er eins oeral bang foar is. Op in dei bellet syn suster. Se siket oppas foar har soantsje. Omke Ûle doart gjin nee te sizzen en sa komt dat lyts ûltsje by him yn ’e beam. Dêr is foar it mantsje net folle te belibjen. Hy hellet syn omke oer om der tegearre op út te gean. Op aventoer! Ienkear bûten syn beam stapt Omke Ûle hieltyd wer oer syn eigen eangst hinne. Hy leart dat it hartstikke leuk wêze kin om wat te besykjen datst eins net doarst. Ik soe it moai fine as der bern binne dy’t nei it lêzen fan dit boek ek ris wat doarre te dwaan wat se eins mar eng fine.’

€ 14,50 2+

‘Ik soe it moai fine as der bern binne dy’t nei it lêzen fan dit boek ek ris wat doarre te dwaan wat se eins mar eng fine.’


Skriuwer: Ciska Noordmans

Do or don’t Elektrysk of mei de hân? Wol of net fluoride? Wat fynt de biologyske toskedokter? Lês no!


De mond als spiegel bij de biologische tandarts ‘We nemen de tijd voor de mensen. We kijken niet alleen naar de tanden en kiezen in de mond, maar zien het lichaam als één geheel.’ Aan het woord is Jessica Swartberg, ze is een van de drie tandartsen bij de Biologische Tandarts Friesland in Leeuwarden. Aan de praktijk zijn eveneens een mondhygiëniste en tandartsassistenten verbonden. Jessica werkt samen met echtgenote en assistente Desiree van der Pal.

Verbonden ‘Stress, zwangerschapshormonen, een pijnlijke knie, een verkeerde ademtechniek, een sterfgeval van een dierbare. Zomaar een handvol oorzaken die invloed kunnen hebben op de gezondheid van je tanden en kiezen of op je tandvlees. Dat lijkt vreemd, maar elke tand en kies staat in verbinding met een meridiaan. De meridianen voorzien organen van energie en vormen de energetische

bloedsomloop van het lichaam; onder andere vervoeren ze levenskracht. Wanneer er ergens een blokkade in het lichaam is (door bijvoorbeeld een ontsteking) stroomt de energie in de desbetreffende meridiaan niet volledig’, vertelt Jessica. Eens trok ze bij een patiënt een ontstoken kies, waarna direct ook de chronische pijn in de knie verdween, en ze vertelt over de angst van een moeder voor de bevalling, die zich weerspiegelde in de aangetaste aanmaak van het glazuur van de eerste volwassen kiezen van het kind.

‘Door het trekken van de ontstoken kies verdween de pijn aan de knie.’ In gesprek ‘Juist daarom nemen we ook de tijd voor nieuwe patiënten. We willen de mensen graag leren kennen. Onze intake duurt meestal zo’n 45 minuten inclusief foto’s, tenzij er recente foto’s voorradig zijn’, vult Desiree aan. ‘Het zijn niet de mensen uit de buurt die komen, onze patiënten rijden soms uren voor een afspraak. De biologische tandarts is voor hen dan ook een bewuste keuze. Zij staan open voor onze kijk op gezondheid. Kinderen zien we het liefst ook zo vroeg mogelijk in onze praktijk. We besteden veel aandacht aan deze doelgroep en maken hen vertrouwd met onze zorg. We kijken naar wat het kind aankan in een behandeling en gaan niet over de grens van het kind heen. Zo streven we ernaar dat ze trots op hun

16

17


• De BTF is sinds 2017 gevestigd in Leeuwarden, en is de enige biologische tandarts in Friesland. • Een regulier consult kost bij de BTF niet meer dan bij een gewone tandarts. • Er worden wel meerkosten berekend voor de intake. • De rekening wordt, net als bij andere tandartsen, vergoed door de meeste ziektekostenverzekeraars.

knappe prestatie de deur weer uitgaan. Liever dan behandelen, besteden we aandacht aan preventie. Ouders kunnen zelf veel doen om hun eigen gebit en dat van hun kinderen optimaal gezond te houden.’ Gewoon doen ‘Door het aanleren van goede gewoonten heb je invloed op je gebit en op je gezondheid. Onbedoeld krijgen kinderen vaak veel suikers binnen. Moedermelk en oplosmelk bevatten net als limonade veel suikers, die, omgezet in zuren, schadelijk zijn voor tanden en kiezen en gaatjes/cariës veroorzaken. Dus ook als je je kind op peuterleeftijd nog de borst geeft, is er kans op “zuigflescariës”, als de tandjes nadien niet voldoende gereinigd worden. Soms realiseren ouders zich dat niet, maar dit kan veel gevolgen hebben voor het gebit. Ook in deze praktijk helpen we soms kinderen met zwaar aangetaste voortanden, omdat ze er in de klas mee gepest worden. Ook fruit bevat veel suikers. Poetsen, van kleins af aan, is een van de toverspreuken. Ouders adviseren we tot het 10e jaar het gebit van hun kind te poetsen.’ Of het verschil maakt om te poetsen met een elektrische of een handtandenborstel?

‘Nee’, volgens de experts. ‘Voor de één is een handborstel beter, terwijl een ander gebaat is bij elektrisch poetsen. Ook dat is maatwerk.’ En wel of geen fluoridetandpasta? ‘Omdat onderzoek heeft bewezen dat fluoride schade kan veroorzaken aan het brein zijn we er uiterst terughoudend mee, maar als we bijvoorbeeld de oorzaak van een slecht gebit niet kunnen achterhalen, of wanneer het in een gezin niet mogelijk is dat iedereen zich aan de gezonde-mond-aanwijzingen houdt, kan een tandpasta met fluoride soms een (liefst tijdelijke) oplossing zijn.’ Eveneens kan het beperken van de eetmomenten op een dag tot vijf – 3 maaltijden en 2 tussendoortjes – en even naspoelen met water na een eet- en drinkmomentje helpen om een gezond gebit en een gezonde mondflora te behouden. ‘Met goeie preventie is veel te voorkomen’, legt Desiree uit. Mondje dicht ‘Weet je dat zelfs zoiets simpels als door je neus ademen invloed heeft op je gezondheid?’ vraagt Jessica. ‘In je neus zitten haartjes die als filters dienen om schadelijke stoffen tegen te houden. Adem je door je mond, dan heb je meer kans dat virussen

en bacteriën zich in je mondslijmvliezen nestelen en ontstekingen veroorzaken. Adem je door je neus, dan krijg je meer zuurstof binnen, en dat is precies wat een lichaam nodig heeft om zich gezond te ontwikkelen. Kinderen die dat nog niet van nature doen, adviseren we een myobrace: een plastic bitje voor thuis, dat de spieren rondom de mond en die van de tong traint. Een simpele oplossing die de kaakontwikkeling, de conditie van de longen en de ontwikkeling van de ruggengraat verbetert, de kans op gaatjes vermindert, en niet alleen keel-, neus- en oorproblemen, maar vaak ook een beugel kan voorkomen.


Feikje Fokkema (33) en Andrea Pagani (39) wenje mei harren dochter Emma (1) yn It Hearrenfean. Feikje praat Frysk en Andrea praat Italiaansk mei Emma, mar ûnderinoar prate se Ingelsk.

It stel learde inoar kennen doe’t Andrea foar in promoasjeûndersyk oan de RUG ferbûn wie. ‘Hy hat my yn it Nederlânsk oansprutsen, mar we kamen der al gau achter dat as wy beide wat muoite diene, Ingelsk foar ús de bêste taal wie om mei-inoar te praten. Ik kin it Italiaansk folgje, mar werom prate is noch dreech. Andrea kin him ûnderwilens goed rêde yn it Nederlânsk’, fertelt Feikje. Mei de komst fan Emma hawwe se ek stilstien by wat se it berntsje meijaan woene. Andrea: ‘We spreken samen Engels, maar we voelden beiden de behoefte om iets meer van onszelf mee te geven. Ik heb een aantal boeken gelezen over meertalig opvoeden. We hebben er bewust voor gekozen om Emma zowel het Italiaans als ook het Fries mee te geven, in taal en cultuur, zodat we alle gevoelens en

18

19

nuances kunnen verwoorden en doorgeven. Dat is voor ons als ouders, voor onze families en vrienden en straks ook voor Emma een heel fijn idee.’ Feikje: ‘In protte minsken ferwûnderje har oer de meartaligens yn ús húshâlding, want neist it Frysk en it Italiaansk groeit Emma fansels ek yn in Ingelske en Nederlânsktalige omjouwing op; by de opfang, op de telefyzje en straks op skoalle leart sy Nederlânsk. We sjogge in taal ekstra net as in probleem, mar as in rykdom.’ Andrea: ‘We zijn heel benieuwd of ze een voorkeurstaal ontwikkelt. Of zal ze alle talen omarmen? Ik voel als vader de druk om genoeg Italiaans met haar te praten. 30 procent, las ik in een boek; dat lukt niet altijd, maar ik doe mijn best. Ik benoem zoveel

mogelijk in het Italiaans en lees Italiaanse prentenboeken voor. Eigenlijk zou het fijn zijn als we in de omgeving nog wat meer Italiaanse kinderen in dezelfde leeftijd zouden treffen.’ Feikje docht har bêst om Emma it Frysk mei te jaan mei lytse ferskes en troch har foar te lêzen út Frysktalige boeken. Emma begjint al in bytsje te praten en brûkt sawol Frysk as Italiaansk; ‘cacca’ foar poep(ruft) en ‘papà’ foar heit, se seit ‘mem’ tsjin Feikje en beneamt de keuken en beppe. Andrea wol graach dat Emma letter ek de Italiaanske ‘spirit’ meikrijt. Hy hopet it relaxte fan de Italiaanske kultuer troch te jaan. Feikje is grutsk op de waarmte en it betrouwen by har yn ’e famylje en tusken de minsken op de Fryske doarpen. Beide âlders dogge harren bêst om Emma it moaiste fan beide kultueren mei te jaan.

Skriuwer: Ciska Noordmans Fotograaf: Hippe Kiek fotografie

Sa prate wy thús


ADVertentie niemand is een klier voor z’n plezier Verdrietig. Onzeker. Jaloers. Boos. Zo voelt Marthe zich. Het is niet leuk dat haar ouders zijn gescheiden. En het is niet eerlijk dat haar broer het wél leuk vindt op school en Marthe niet. En dan ook nog alle onzekerheden die ze oppikt uit haar omgeving rondom de maatregelen van het coronavirus. Marthe is een prachtige meid uit de bovenbouw van de basisschool. Haar blonde paardenstaart danst heen en weer als ze enthousiast vertelt over haar hobby turnen. Diezelfde paardenstaart zwiept heen en weer als Marthe van boosheid niet meer weet wat ze moet doen en dit uit in negatief gedrag; slaan met deuren, spullen van tafel gooien en schreeuwen naar iedereen die ze tegenkomt. Marthe’s ouders hebben ondanks de scheiding goed contact en zijn een mooi voorbeeld hoe je de opvoeding van kinderen kunt delen terwijl je geen partnerrelatie meer hebt. Maar ze weten niet wat ze kunnen doen om hun dochter te helpen. De leerkracht van Marthe deelt dit gevoel. Daarom wordt Marthe aangemeld bij Cedin. Vanuit de driehoek kind-gezin-school werken we op deze verschillende niveaus aan het welzijn van Marthe. Ik leer ouders en leerkrachten: ‘Niemand is een klier voor z’n plezier.’ Als negatief gedrag langere tijd aanhoudt, raakt het geduld en de rust op bij de volwassenen om een kind heen. Onthoud en herinner dat het gedrag van een kind, maar ook van een volwassene, altijd een positieve intentie heeft. Wat is de positieve intentie die Marthe voor zichzelf wil bewerkstelligen met haar negatieve gedrag? Als ik dit met ouders en school bespreek ontstaat er ruimte; ruimte voor gesprek, ruimte voor ideeën, ruimte voor een andere benadering van ouders en leerkracht richting Marthe. Ze is niet expres boos, ze doet het niet met opzet. In haar pogingen haar (faal)angst onder controle te houden, legt Marthe een te grote druk op zichzelf om ‘het goed te doen’ en overzicht te bewaren. In een periode van extra onzekerheden zoals het coronavirus, is dit extra lastig voor Marthe en loopt de emmer over. Door ook te kijken naar gebeurtenissen in het leven van Marthe, zowel in het heden als verleden, kunnen we het gedrag van Marthe betekenis geven. Ouders en leerkracht leren wat Marthe nodig heeft. Ze moest bijvoorbeeld ook de scheiding nog verwerken. En vervolgens gaat het stromen... Marthe voelt zich gesteund door haar ouders en leerkrachten. En ze voelt zich gezien en gehoord, omdat ze wordt aangesproken op wat ze wel en niet laat zien. Dit geeft haar het gevoel dat ze er mag zijn en dat laat haar zelfvertrouwen groeien. Ze turnt als nooit te voren. En haar staart danst weer meer dan dat ‘ie zwiept.

Thuis en school worden op elkaar afgestemd

Je kunt bij ons terecht voor onderzoek en behandeling op het gebied van: Jeugdhulp Dyslexiezorg Leerlingenzorg

> Rechtstreeks contact met een psycholoog of orthopedagoog. > Gelijk antwoord op de vraag of wij je kunnen helpen. > Persoonlijke zorg in een kleinschalige setting. > Wij behandelen in Friesland, Groningen en Drenthe

Een kind aanmelden Neem contact met ons op via: zorg@cedin.nl 088 0200 300 www.cedinzorg.nl

Door:

Afke Nynke Elting Pedagoog bij Cedin

Wij helpen je meteen!


BERNEPRAATSJES

Yenthe (5) ziet met het mooie weer een man zonder t-shirt en roept verbaasd: ‘Kijk, die man heeft theelepels!’

Hat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei ynfo@heitenmem.nl.

Tineke (3) hat in nije broek fan beppe krigen. Se docht de broek oan en ûntdekt dat de hannen yn ’e bûse kinne. Grutsk ropt se: ‘Sjoch mem, dizze broek hat moffen!’

Bram (3) leest een boekje over papegaaien: ‘Mama, waar is de mamagaai en de babygaai?’

Yarno (6) is ien fan in twaling. Op in dei seit er tsjin syn mem: ‘As ik letter in baby krij, dan hat de baby twa heiten.’ ‘Hoesa dat?’ freget mem. ‘No,’ seit Yarno, ‘Dayley en ik binne

Marith (doe 3, no 8) hie destiids in moestúntsje, dat se yn it Nederlânsk ‘muistuin’ neamde. Doe’t se in kear by in fjild mei mais lâns rieden, sei se: ‘Ik fermoedich my dat dit woartels binne.’

dochs tegearre?’

Jurre (4) fertelt op de berneopfang dat er in ‘kâldmasine’ op syn sliepkeamer hat. (fentilator) Yfke (3) rint mei in pop ûnder har trui troch de keamer. Dan lit se har ynienen op ’e grûn falle en ropt: ‘Mem, ik bin befallen!’

Hieke (3) har broerke giet mar troch mei eameljen as mem bôle foar him oan it smarren is. Mem: ‘Jaja, even geduld.’ Hieke: ‘Mem is gjin heks!’

20

21


Skriuwer: Nynke van der Zee Fotograaf: Hippe Kiek fotografie


Us húshâlding

Foar Renze Pieter is it alle dagen heitedei De bern út skoalle helje, nei de judoles ta, húswurk meitsje en tuskentroch it húshâlden dwaan. Renze Pieter Veltman (38) draait syn hân der net foar om. Sûnt trije jier is hy thúsheit en soarget er dat alles yn ’e húshâlding op roltsjes rint. ‘By ús is it alle dagen heitedei.’

Wa’t noch altyd tinkt dat allinnich froulju multitaske kinne, hat it mis. Renze Pieter kin nammentlik fan alles tagelyk. Sa ferbout er de âlde gymseal yn Ferwert ta smûk wenhûs foar de hiele famylje, lit er de hûnen út, hynsterydt er en soarget er der boppedat foar dat Jurre (8) en Janne (7) presys op tiid op skoalle of de sportklup binne. ‘Ik ha my noch gjin momint ferfele hoegd sûnt ik trije jier lyn opholden bin mei myn wurk’, laket er. ‘Ik ha presys ien kear op ’e bank lein, mar doe fielde ik my sa skuldich dat ik wer oan ’e slach gongen bin!’ Genietsje fan elkoar Wylst syn frou Flora alle dagen nei it wurk ta giet − alteast foardat it coronafirus der wie − is Renze Pieter alle dagen thús. Dat befalt him poerbêst. ‘Doe’t myn baas trije jier lyn mei it bedriuw út Ferwert wei gong en ferhuze nei Ljouwert, bin ik net meigongen. Gjin gestress mear om de bern alle dagen nei de opfang te bringen en gefljoch om jûns op tiid thús te wêzen. Wy woenen mear genietsje fan ús gesin en fan elkoar. En dat is seker slagge.’

‘Wy woenen mear genietsje fan ús gesin en fan elkoar.’ Wie is toch die man... De winsk om mear tiid foar elkoar te meitsjen, kaam net folslein út ’e loft fallen. ‘Us mem is al siik sûnt ik acht jier wie’, fertelt Renze Pieter. ‘Dat hat my wol oan it tinken setten. Ik wol net sa’n heit wêze

22

23

dy’t allinnich yn it wykein tiid foar de bern hat, krekt as by dy SIREreklame: “Wie is toch die man die op zondag het vlees snijdt?” Ik wol der altyd foar harren wêze. Dizze leeftyd ha se mar ien kear, dus dat wol ik meimeitsje.’ Gjin herkânsing Freonen seagen lykwols nuver op doe’t Renze Pieter trije jier lyn fertelde dat er thúsheit wurde woe. ‘Dochs soe ik it al myn freonen oanriede. It is hearlik. Fansels moat it finansjeel ek kinne om op te hâlden, mar ik ried elkenien oan om yn elk gefal ien “papadag” te nimmen. Kinst dyn bern mar ien kear opgroeien sjen. Krijst gjin herkânsing.’ In heit mei make-up In potsje wrakselje mei syn soan Jurre of in frouljusmiddei mei syn dochter Janne: Renze Pieter fynt it geweldich. ‘Lêstendeis ha Janne en ik ús opmakke. Ik krige neillak en make-up op en hie in spjeldsje yn myn hier. Ach, dy make-up is der ek sa wer ôf, al bleau de neillak wol wat langer sitten, foaral op de teannen’, laket er. Pake en beppe yn ’e hûs Sûnt koart wenje ek Renze Pieter syn heit en mem by de famylje Veltman yn. ‘Sy hawwe harren eigen part fan de gymseal, dêr’t se harsels hielendal rêde kinne. Mar as se al ris help nedich ha, dan binne wy tichtby. Dat fielt foar ús allegear goed. En Jurre en Janne fine it prachtich dat pake en beppe sa tichtby wenje. Se rinne dêr geregeld hinne foar de selsbakte bôle fan beppe.’


Famylje-opstellingen:

It รปnsichtbere sichtber meitsje


fertsjintwurdigesto it bern.’ Elkenien nimt syn plak yn. De heit stiet fier fan it gesin ôf, de oarsaak stiet midden yn ’e romte en it bern stiet tusken de âlders yn. Dêrmei is it al begûn: de famyljeopstelling. Systemysk wurk dat it ûnsichtbere sichtber makket.

As âlder wolsto it bêste foar dyn bern. Do bringst dyn bern grut nei dyn eigen noarmen en wearden. Grif binne der dingen dy’tsto oars dwaan wolst as dyn âlders en dêryn fynsto dyn eigen wei. Dochs binne der altyd dingen dy’t ûnbewust oerdroegen wurde op it bern. Oertsjûgingen, of net útsprutsen famyljeleed. Dêr kinsto neat oan dwaan, mar: dyn bern fielt dat wol en reagearret dêrop. It kin dus samar sa wêze dat dyn bern opstannich is, pest wurdt op skoalle, of yn ’e puberteit in ytfersteuring kriget, sûnder dat dêr in oanwiisbere reden foar is. In famylje-opstelling makket it mooglik om dat wêr’t wy mei ús mentale fermogen net by kinne, wêr’t wy gjin wurden foar fine kinne, oan it ljocht te bringen. Spylje yn ’e romte Energetysk terapeut Annamaria Kuipers út De Lemmer wurket al jierren mei famyljeopstellingen, en noch elke kear is se ferrast oer wat sa’n opstelling oan it ljocht bringt. ‘Ik set de minsken wêr’t it om giet yn in romte, beweech my dêr trochhinne en stel fragen.’ Yn sa’n opstelling wurket sy mei ‘represintanten’. Dat binne minsken dy’t immen út it gesin of bygelyks de oarsaak fan it probleem fertsjintwurdigje. Sa gau’t sy har plak ynnimme, komme se yn it enerzjyfjild fan dy famylje te stean en fiele sy presys de oarsaak fan it probleem, of de oertsjûgingen fan de persoan dy’t se fertsjintwurdigje. Sy binne om samar te sizzen in trochjoulûk. As nochter persoan soesto it miskien wol as magy bestimpelje kinne. In nijetiidsbern soe it gewoanwei ‘spylje yn ’e romte’ neame. ‘Ik wurkje mei it inerlik bern en elk bern hat berte-, libbens- en besteansrjocht. As der wat

24

25

yn de famylje of yn ’e generaasjes foar him bard is, dan kin dat barren it bern yn dizze tiid noch altyd pleagje. Wy hawwe dat fan ús ôf te goaien. Wy hawwe it inerlike bern yn ús te hieljen’, seit Annamaria. ‘ Wy dogge dat net allinne foar ússels, mar ek foar ús bern en foar de generaasjes dy’t noch komme sille. Dêrtroch krije sy de romte om yn frijheid, fol leafde en posityf te libjen yn de nije tiid wêryn’t sy berne wurde.’ Emoasjes Annamaria wurket ek wol mei âlders dy’t harren bern opstelle litte om’t hy of sy ûnferklearbere problemen hat. Mei hokker fragen komme âlders eins by in famyljeopsteller? Dat kinne allegear tema’s wêze: in lyts bytsje selsfertrouwen, lilkens, fertriet, iensumens, him of har skuldich fiele mar gjin idee hawwe wêrom. Stik foar stik goede redenen om in opstelling te dwaan. It kinne ek lichemsklachten wêze wêrom’t minsken in opstelling dwaan litte. ‘In mem kaam by my mei it ferhaal dat har soan fan alve jier syn ûntlêsting net ophâlde koe.’ Yn de opstelling stiet de heit fier bûten it gesin, mei syn rêch nei de gesinsleden ta. It jonkje seit: ‘Ik sjoch myn heit net.’ Syn suske stimt dat mei. Syn mem begrypt neat fan ’e situaasje. Annamaria freget op in bepaald momint oft it jonkje wolris pest is. Hy knikt. Dan giet se nei de heit: ‘Bisto as bern ek pest?’ De heit draait him om en seit: ‘Ja, dat bin ik.’ De soan fielt him ynienen sjoen. Boppedat begrypt er dat hy it leed fan syn heit meidraacht. Op syn beurt lûkt hy dat leed op ’e nij oan. ‘De wet fan de oanlûkkrêft’, seit Annamaria. ‘As wy

dy patroanen net trochbrekke, komme se hieltyd wer werom.’ It lichem jout hiel presys oan wêr’t it probleem sit. Yn dit gefal wie it pesten letterlik net te fertarren. Annamaria hat noch in oantal aparte healingsesjes mei de jonge dien en hy rekke befrijd fan syn probleem. Oertsjûgingen Net allinne foarfallen, mar ek oertsjûgingen fan ’e (foar)âlders kinne ûnbewust op in bern oerdroegen wurde. Tink mar ris oan de útdrukking ‘it sit yn de genen’. ‘Ja,’ laket Annamaria, ‘dêr kinsto fansels alles mei goedprate, mar der is wat oan te dwaan!’ Ien ding stiet fêst: by elkenien dy’t deroan meidocht, liedt in opstelling ta nije ynsichten. ‘It is net allinne heilsum foar dejinge dy’t de fraach stelt, mar foar elke represintant.’ Annamaria leit út datsto wol foar dizze metodyk iepenstean moatst: ‘As in frou tsjin har man seit: “Kom Jan, do soest ris in famylje-opstelling dwaan moatte!”, en dy man kin dêr echt hielendal neat mei, dan is der gjin iepening. Asto derfoar iepenstiest dat werklik alles gebeure kin by sa’n opstelling, dan wurket it foar dy. It iennige watsto hoechst te dwaan, is dyn hert iepenstelle. Yn it enerzjyfjild lizze nammentlik alle antwurden op ús te wachtsjen. De antwurden dy’t represintanten jouwe, soargje derfoar dat wy ús bewust wurde fan patroanen en systemen. Se soargje derfoar dat wy ûnderskied meitsje kinne tusken wat fan ússels is en wat wy meidrage fan foarige generaasjes. Sjoch it mar as in grutte himmelbeurt. Wy romje âlde bagger op en op dy manier komme wy stadichoan thús yn ússels.’

Skriuwer: Marieke Vinckers

‘Soesto de heit wêze wolle? Asto dan de oarsaak bist, dan


De Lytse Walfisk

Rozemarijn binne lid fan it Afûk-boekpanel. Liket it dy ek leuk om de nijste útjeften (berneboeken of boeken foar folwoeksenen) fan de Afûk thússtjoerd te krijen en dêr wat oer te skriuwen? Meld dy dan gau oan! Sjoch op www.heitenmem.nl foar mear ynformaasje.

Lang wille mei De Lytse Walfisk Der falt in pakketsje troch de doar! Mei ús trijen op de bank pakke wy it gau út. De jonges binne daliks entûsjast. It is in boek! De lytse walfisk. ‘Wolsto foarlêze mem?’ freget ús âldste, Benn (4), en Casper (1) krûpt al op myn skurte. De lytse walfisk fertelt it ferhaal fan Boi, dy’t mei syn heit op it strân by de see wennet. Syn heit is alle dagen oan ’t wurk en Boi is dan allinnich thús. Nei in fûle stoarm fynt Boi in walfisk op ’t strân. Boi docht alles om de walfisk te helpen en stoppet him thús yn ’t bad. Boi spilet muzyk foar syn nije freon en fertelt him ferhalen oer it libben op ’t eilân. As syn heit wer thúskomt, mei Boi de walfisk net hâlde. De walfisk moat wer werom nei de see, omdat dat syn thús is. Boi moat ôfskied nimme fan syn freon, mar syn heit bliuwt no faker thús om leuke dingen mei Boi te dwaan. De lytse walfisk fertelt yn in leaflik ferhaal oer wichtige tema’s lykas iensumens, freonskip en ôfskied nimmen. It boek nûget út om dy ûnderwerpen te besprekken mei dyn kleuter. ‘Soe Boi de hiele dei allinnich wêze?’ frege ik. ‘Nee, de katten binne thús’, seit Benn. ‘Mar wa past der op Boi as syn heit de hiele dei fuort is? Wêr soe syn mem wêze?’ ‘Dy heart der net by’, fertelt hy my. Hoe fielt Boi him as er de hiele dei allinnich is? Wêrom nimt hy de walfisk mei? Kinst tegearre in hiel filosofysk petear hawwe. Troch dy fragen te stellen en it ferhaal faker te lêzen, ûntdekst ek hieltiid mear dingen yn it boek. Sa seach ik pas by de tredde kear dat oan de binnenside fan it omslach yllustraasjes stean fan de lytse walfisk, dy’t earst syn famylje kwytrekket omdat hy de ferkearde kant op swimt en oan ’e ein syn famylje weromfûn hat. Ek mei lytsere bern is it in prachtich boek om foar te lêzen. Troch de rêstige kleuren komme de belangrike eleminten dúdlik nei foaren. Us dreumes wiist op elke bledside entûsjast de walfisk oan. Kinst dus lang wille ha fan dit boek! Rozemarijn Strubbe, Wommels Mem fan Benn (4) en Casper (1)

26

27


It grutte famyljeboek is foar € 13,95 û.o. te bestellen fia websjop.afuk.frl of freegje dernei yn dyn boekhannel.

It grutte famyljeboek “Dan slaan wy it boek iepen. It boek start mei de fraach: Fan wa bisto ien? In moaie fraach om meimekoar oer nei te tinken. Hoe sjocht ús gesin der út? Wêr hearsto by? Mei hoefolle wenje wy yn ús hûs? Binne der mear minsken dêr’t wy by hearre? Dêr meitsje wy in tekening fan. It boek lit de moaie kanten fan famylje sjen, mar lit ek sjen dat it somtiden oars giet as oars. Al mei al is it in moai ynformatyf boek oer in ûnderwerp dat elkenien ken.” Tryntsje Hoekstra út Hallum


Ferklaaid! Silke (4) en Jildau (7) de Boer út Dokkum Leuk! By pake en beppe de kasten leechhelje! Ylse (6) en Femke (9) Bakker út Earnewâld Hoi! Wy binne Minnie Mouse en Katrien Duck!

Marije Wolthuizen (2 moanne) Marije vindt het leuk om in haar Minnie Mousepakje te slapen. En met het bijpassend mutsje is het gewoon te schattig! Mirthe Wever (7) út De Lemmer Fedde Posthumus (5)

It spinnewyfke is

út Berltsum

hielendal klear foar it

Fedde hat fan in doaze

Halloweenfeest!

in robot makke.

Bernou (3) en Jisse (1) Terluin út De Lemmer Ferklaaid nei it juffefeest! De stoere piraat sil op prinses Elsa passe! Sverre van der Laan (3) út Holwert Sverre is in grutte fan fan Batman! Hy rint it leafst de hiele dei yn syn pak om, dêr’t er hiel stoer yn is, want Sverre is in “superheld”!


Lise Spoelstra (1) út Wikel Lekker laitsje en drave yn har krûpelhintsjepak! Ien jier en no al in grapjurk! Jelmer Drenth (2) út Hoarnstersweach Us Spider-Man!

Rixt Spoelstra (3) út Wikel Rixt yn har Frozen-jurk. Krigen fan buorfrou Welmoed Melle (4) en Sverre (2) Jorna

foar har jierdei. De jurk mocht

út Wytgaard

net wer út. Wy hienen dan ek

Us mannen binne gek op

oeral moaie glitters yn ’e hûs.

ferklaaien. De brandweerman

Mar sa as Rixt sels seit:

is favoryt. Melle giet letter by

Siemen Dijkstra (3)

‘No bin ik in echte prinses

de brânwacht en Sverre oefent

út Skearnegoutum

toch, mem?!’

graach mei.

Ferklaaie as krystman yn ’e simmer!

Wietse (4) en Rianne (2) Veenstra út Damwâld Rianne als prinses en

Diemer (5) en Siem (3)

Wietse als Spider-Man.

Bierma út It Hearrenfean Batman en Spiderman veroveren de wereld!

28

29


Hoe kun je

stress

bij kinderen verminderen? Stress of zelfs een burn-out bij basisschoolkinderen komt vaker voor dan je denkt. Orthopedagoog Jellie de Boer (41) weet er alles van. In haar praktijk behandelt zij regelmatig kinderen die thuis komen te zitten met stressklachten. EĂŠn van de tips die ze aan ouders geeft: plan de agenda niet te vol.


Eigen tempo Vooral gevoelige kinderen en hoogbegaafden lopen extra risico om gestrest te raken, weet Jellie uit eigen ervaring. Haar oudste zoon (7) is hoogbegaafd en hooggevoelig en dat sluit niet aan bij het onderwijssysteem. ‘Het gaf veel stress, hij had nergens meer zin in en kreeg last van nachtangst. In de coronatijd bloeide hij helemaal op. Dat zag je met meer kinderen gebeuren die gevoelig zijn voor prikkels. De klassen zijn tegenwoordig zo druk en vol, dat is voor deze kinderen een probleem.’ Volgens Jellie is het belangrijk dat kinderen in hun eigen tempo en op hun eigen niveau leren. ‘Op die manier blijven ze gemotiveerd.’ Tijd om te spelen Ook kinderen met faalangst, kinderen die onzeker zijn, erbij willen horen, moeilijk ‘nee’ kunnen zeggen, thuis problemen hebben of gepest worden, zijn extra gevoelig voor stress. Meer rust inplannen is volgens de orthopedagoog een belangrijke tip. ‘Je ziet dat kinderen tegenwoordig te veel “moeten”. Na school moeten ze naar de kinderopvang, ze zitten op verschillende sporten en muziekles. Probeer daarnaar te kijken. Zorg voor tenminste één dag per week rust. Dus dat er van tevoren dan niets staat ingepland en ze zelf mogen bepalen wat ze gaan doen. Luister ook naar hoe de kinderen deze drukke agenda zelf ervaren. Praat minimaal één keer per week met je kind over emoties. Dat schiet er nog weleens bij in.’ Naar het bos Wat verder kan helpen om stress bij jonge kinderen te voorkomen, is lekker met de laarzen aan naar het bos gaan. ‘Door buiten in de natuur te spelen, raken kinderen hun prikkels kwijt. Wat je tegenwoordig ook veel

30

31

Symptomen stress bij kinderen Moeite met opstaan Geen zin om naar school te gaan Slechtere schoolprestaties Geen zin in hobby’s, school en spelen Slaapproblemen Hoofdpijn en spierpijn Buikpijn en spijsverteringsproblemen Geen trek in eten Piekeren Concentratieproblemen, verminderde werkhouding Slecht zelfbeeld, faalangst Prikkelbaar, boos, agressief Angst(en) of fobie(ën) Tics

ziet, is dat kinderen de ochtend al beginnen met een broodje voor de tv. Dit zorgt ervoor dat bepaalde gebieden in de hersenen die ze op school nodig hebben, inactief blijven. Daardoor kunnen ze zich minder goed concentreren op school. Mijn advies is: maximaal 45 minuten schermtijd per dag en niet voor schooltijd. Anders gaat het werkgeheugen van kinderen achteruit.’ Begrip voor stress Door te veel suiker, kleurstoffen en smaakversterkers kunnen de stressklachten ook toenemen. ‘Gezonde voeding, structuur, voldoende beweging, vaste slaaptijden en ouders die op één lijn zitten qua opvoeding helpen om stress te voorkomen. En als het wel zover komt dat kinderen gestrest zijn met woede-uitbarstingen tot gevolg: leg de nadruk niet op boosheid en terechtwijzingen, maar ga na waar de stress vandaan komt. Praat er met je kind over en kijk hoe je je kind kunt helpen. Duurt de stresssituatie te lang of wordt het alleen maar erger, dan is het verstandig om hulp te zoeken.’ Onbevangen in het leven Aukje (46) uit Heerenveen heeft twee dochters van 14 en 11 jaar en een zoon van 9 jaar. De oudste en de jongste hebben met schoolstress te maken. Ze kunnen allebei

goed leren, waardoor er ook van hen wordt verwacht dat ze hoge cijfers halen. ‘Dat geeft vooral bij de oudste druk en resulteert in faalangst nu ze op het voortgezet onderwijs zit. De jongste heeft vooral in groep 3 veel last gehad van stress. Hij zat niet lekker in z’n vel en zag er ’s ochtends zo tegenop om naar school te gaan dat hij kokhalzend aan tafel zat. Een kind moet onbevangen in het leven staan. Dat gevoel was helemaal weg. De middelste heeft dat trouwens helemaal niet gehad. Die gaat zingend door het leven. Zo zie je maar weer, geen kind is gelijk.’ Onderwijsmollen Wat Aukje opvalt als mem, is dat de kinderen zich zo aanpassen dat meesters en juffen er op school niks van merken. ‘Er is niks aan de hand, zeggen ze dan. Maar zodra we de hoek van het schoolgebouw om zijn, merk je als ouder dat je kind overprikkeld, chagrijnig of verdrietig is. Dan denk je dat het aan jou als ouder ligt. Dat is best frustrerend. Die erkenning is zo belangrijk. Zowel voor het kind als voor de ouders.’ Het belangrijkste vindt Aukje dat een kind zichzelf kan zijn. ‘Je moet niet aan het kind sleutelen, maar aan de omgeving.’ Zelf draagt ze haar steentje bij door een beweging op gang te brengen om kinderen meer zichzelf te laten zijn, via de website www.onderwijsmollen.nl

Skriuwer: Klasina van der Werf

De druk ligt tegenwoordig hoog bij kinderen. We leven in een prestatiemaatschappij. ‘Vooral hoogopgeleiden met veel geld of mensen die ergens heel goed in zijn krijgen waardering. Dat terwijl andere dingen ook belangrijk zijn, zoals empathie, sociale contacten, genieten, ontspanning, normen en waarden’, stelt Jellie de Boer van het Centrum Regenboogkind in De Hoeve. Ook op school ligt de druk hoog. Zo nemen de citotoetsen een belangrijke plaats in. ‘Er hangt te veel vanaf. Dat voelen kinderen.’


Nije boeken!

€ 14,99 Stip - lûden op ’e pleats 1+ Eric Hill Stip helpt syn heit Simen hjoed op ’e pleats. Druk op de knoppen en hear de bistelûden. De trekker fan Stip is it alderlûdst! Twadde printinge mei ekstra bistelûden! Marrit Jongbloed: “By oare berneboekjes mei lûden giet it yndrukken fan de knopkes him net altyd sa maklik ôf, mar it moaie fan dit boek is dat hy it sels foarmekoar krije kin.”

€ 8,95

Witst wol hoe mâl ik mei dy bin? (kartonboekje) 2+ Sam McBratney Soms, ast in hiele, hiele protte fan ien hâldst, wolst dúdlik meitsje hoe grut dyn gefoelens binne. Lytse Ljochtbrune Hazze en Grutte Ljochtbrune Hazze krije yn ’e gaten dat it net maklik is om te mjitten hoefolle ast fan ien hâldst! Bern én âlden út de hiele wrâld binne mâl mei dit prachtige printeboek. Sytske Anne Wijntjes-Bergstra: “De prachtige tekeningen in zachte kleuren geven de ‘strijd’ tussen lytse ljochtbrune hazze en grutte ljochtbrune hazze mooi weer. Ze nodigen ook uit om mee te doen: hoe wijd zijn jouw armen? En hoe hoog kun jij springen? Zo leren kinderen ook kennismaken met begrippen als hoger, langer en verder, die in het boek worden besproken.”

Tútsje derop! 2+ Bernd Penners It hûntsje, it skiep, de aap, de bear en de oaljefant ha allegear in ûngelokje hân. De iene hat in sear poatsje, de oare stapt op syn eigen slurf. Wat no? Helpsto om der in pleister op te plakken? Mar it measte helpt fansels: in tútsje derop! Stevich printeboek fan 2 jier ôf, mei 5 ‘echte’ pleisters. Carin Wassenaar: “Wat dit boek zo leuk maakt, is dat de kinderen ook écht een pleister mogen plakken op de zere plek van de dieren. Voorin het boek zitten 5 vrolijk gekleurde pleisters die alsmaar weer gebruikt kunnen worden en makkelijk schoon te maken zijn. En als ze dan ook nog eens een ‘tútsje’ mogen geven aan de dieren is dat helemaal het einde!”

€ 12,50


€ 15,00

Dingeman krijt wjukken 8+ Eppie Dam De twadde printinge fan de klassiker oer Dingeman dy’t tegearre mei syn mem yn it saaiste hûs fan de stêd wennet. Op in dei krijt er in brief. Hy wurdt, mei noch alve oare bern, útnûge foar in simmerkamp op in spannende buorkerij ergens fier fuort. Dêr bist as bern hielendal eigen baas. Pensjonearde pakes en útborduerde beppes dogge alles watsto wolst, en dêrom stjoere se dy ek noait op bêd. Mar as er dêr oankomt, blykt it hiel wat oars te wêzen… Annika van der Zee: “Ik fyn dit in moai berneboek, om’t alles mooglik is. Fantasyen dy’t útkomme yn de foarm fan útfiningen of praten mei bisten. Dêrneist wurdt der op dizze manier praat oer serieuze ûnderwerpen út it libben, lykas pesten of de dea. It makket it boek tiidleas; fernimst net dat it yn ’e foarige iuw útbrocht is.”

32

33

Jesse 9+ Mindert Wijnstra Joshua moat ferhúzje. Hy komt fan Ljouwert en giet mei syn mem by pake wenjen, op de pleats oan ’e seedyk. Wêrom moast er sa hals-oer-de-kop ferhúzje en wurdt syn namme ynienen feroare yn Jesse? Joshua/Jesse hat it der dreech mei: de nijsgjirrigens fan de bern op it doarp, syn heit dy’t oppakt is, syn hûn dy’t net meiferhúzje koe en syn mem dy’t sa gau mooglik wer ferhúzje wol… Hoe slacht er him hjir trochhinne en wa kin hy fertrouwe? Lieke miskien? In famke dat ek oan de seedyk wennet. En dêr’t er ferlyfd op wurdt. Grietje van der Ploeg: “It boek is sa skreaun dat je nei elk haadstik fierder lêze wolle wat der no barre sil.”

€ 14,99


ADVertentie

Zilvervloot Sparen Zilvervloot Sparen en JongWijs en JongWijs Foppie van Terwisga ‘t Hasker Assurantiekantoor Hasker Utgongen 2 8465 SJ OUDEHASKE T (0513) 67 74 00 E info@foppie.nl I www.foppie.nl

Noorder Staete Assurantiën B.V. Florynwei 1-L 9251 MP Burgum T (0511) 46 02 40 E infoburgum@noorder-staete.nl I www.noorder-staete.nl

Z

Van Wieren Adviseurs B.V.

Hiermee regelt u het in één keer goed voor uw kind. Hi De Buorren 17 9289 HD Drogeham Met het bekende Zilvervloot Sparen spaart u een Met mooi T (0512) 33 10 19 E info@vanwieren.net startkapitaal voor uw (klein)kind bij elkaar. I www.vanwieren.net JongWijs is voor uw kind zélf.

Assurantiekantoor M. Kruis Tuinen 20 8713 KM HINDELOOPEN T (0514) 52 16 20 E j.kruis@amkadviseurs.nl I www.assurantiekantoormkruis.nl

Kom la n en wij v gs ertellen u graag meer.

Geertsma Assurantiën Eigen Haard 33 8561 EX Balk T (0514) 60 33 60 E info@geertsma.frl I www.geertsma-assurantien.nl

Assurantiekantoor Siebe de Vries Amelandlaan 183 8443 CA Heerenveen T (0513) 62 86 77 E info@siebedevries.nl I www.siebedevries.nl Attentiv A Boskma B.V. Kleine Dijlakker 45 8701 HX Bolsward T (0515) 58 04 02 E boskma.bv@attentiv.nl I www.solideverzekerd.nl

Foppie van Terwisga / 't Hasker Foppie va Geertsma Assurantiën Assurantiekantoor Assur ant Eigen Haard 33 Hasker Utgongen 2 8465 SJ OUDEHASKE T (0513) 67 74 00 E info@foppie.nl I www.foppie.nl

Hasker Utg 8561 EX Balk 8465 SJ OU - 60 33 60 T 0514 (0513) 67 T info@geertsma.frl E info@fop gratis & fergees 2020 E www.geertsma-assurantien.nl I www.fop I

De heit&mem feestdagenedysje! Fergees te downloaden fia websjop.afuk.frl

feestdagen-edysje

Checklijst sinterklaasfeest tips foar Fryske sinteklaasgedichten prikkelber jierdei fiere tusken de yn desimber pipernuten en de oaljekoeken yn


ZWEMMEN IN DILEMMA’S Het is zaterdagochtend 10.30 uur, zwemjuffrouw Barbara begint met een spel: ‘Schipper, mag ik overvaren?!’ Alle kinderen zijn meteen enthousiast en gaan naar de zijkant van het zwembad. In spanning wachten ze af welke opdracht ze moeten doen om naar de overkant te mogen. Ik sta, met de andere ouders, in die rij met kinderen. Alleen. Mijn zoon is namelijk al aan de overkant, hij is bezig om zijn bommetjes te perfectioneren. Voor zijn leeftijd doet hij dit redelijk, oefening baart inderdaad kunst. Ik vind het geweldig om hem daar zo te zien staan in dat zwembad, maar ik voel me ook enorm opgelaten. De scène van deze overduidelijke splitsing laat pijnlijk zien hoe ongemakkelijk dit is. Alle ouders en alle kinderen kijken namelijk uit op een jongen die zich niks lijkt aan te trekken van de zwemles. Waarom luistert mijn kind nou als enige niet? En wat doe ik nu? Andere ouders hebben dit probleem niet, lijkt het, waar ligt dat aan? Als kind was ik zelf verlegen, terughoudend en best rustig. Daar kan ik nu in mijn volwassen leven nog weleens last van hebben. Ik zou het mijn beide jongens gunnen om wat assertiever te zijn. Bereik ik dat op deze manier? Anderzijds ben ik van mening dat je wel moet luisteren naar de juffrouw, van haar kun je iets leren en daarnaast is het goed om te leren omgaan met autoriteit.  Terwijl alle kinderen luisteren, lekker zwemmen en oversteken, verdrink ik in mijn eigen dilemma. Ik roep mijn driejarige speelse dolfijn Lucius en probeer hem te vertellen dat hij beter kan leren zwemmen als hij de instructies opvolgt. Mijn goedbedoelde preek is natuurlijk gericht aan dovemansoren. Hij hoort mij sowieso niet, aangezien hij vaker onder het wateroppervlak te vinden is dan erboven. Mijn zoon is een soort miniversie van Jacques Cousteau in de Blauwe Golf.  Bied ik dus vrijheid of leer ik hem om te gaan met belangrijke omgangsregels. Daar drijf ik wat tussenin, tijd om er eens een boek bij te pakken en te kijken wat een wijs persoon hierover te zeggen heeft. Er zijn over een dergelijk onderwerp vast nuttige dingen geschreven.  In de ontwikkelingspsychologie beschrijft men dat kinderen vanaf drie jaar gaan beseffen dat ze zelfstandig willen zijn. Ze gaan zelf besluiten nemen en beginnen met het vormgeven van de persoon die ze willen zijn. Ze hebben daardoor ook vaker te maken met conflicten tussen luisteren en het verlangen om zelfstandig te opereren. Ook wordt in het boek de ontwikkeling van het zelfbeeld beschreven, en laat peuters en kleuters nou enorm last hebben van zelfoverschatting; capaciteiten en kennis worden op alle gebieden overschat. Hij kan dus al heel goed zwemmen en hoeft niet te luisteren! Onderdeel van de ontdekkingsreis naar persoonsvorming dus, en naar ik verwacht herkenbaar voor veel ouders.  Misschien moet ik ook niet alles willen weten en uitpluizen, bedenk ik mij later, twijfels mogen er best zijn. Hij is nog jong en zwemt in een prachtig zwembad, natuurlijk ben je dan snel afgeleid. Wellicht is mijn ‘probleem’ eerder een nietonlogisch verschijnsel.  Mocht je eens twijfelen over het opvoeden, er zijn prachtige boeken over geschreven, maar weet wel dat elk kind uniek is en dat elke ouder zijn of haar best doet en dit bovendien doet met de juiste intenties.  Ik drijf nog even verder in mijn zwembad vol dilemma’s, uiteindelijk ben ik ook slechts een ontdekkende Cousteau in deze wondere wereld die opvoeden heet.  Tot de volgende keer! 

34

35

Abel Reitsma Partner van Jacqueline en papa van Lucius en Philemon


Talen kleuren je leven Meartalich opgroeie, hoe giet dat eins? Fardau de Boer (27) út Rottum We hebben net een dochter gekregen en voor nu is het dan ook nog niet helemaal van toepassing, maar ik heb hierover wel een vraag. De moedertaal van mijn man en mij is Fries. Daarnaast wordt er vrijwel uitsluitend Fries gesproken op haar toekomstige opvang. Echter wil ik dat ze uiteraard ook vloeiend Nederlands zal spreken en willen we haar een basis in de Engelse taal meegeven. Om deze talen te stimuleren wil ik in deze talen voorlezen. Daarnaast hebben we een aantal Nederlandse vrienden en spreken beide buren Nederlands. Hebben jullie meer tips om de Engelse en met name de Nederlandse taal te stimuleren?

Lokwinske mei jimme dochter! Wat goed dat jim dêroer neitinke en de taalûntwikkeling fan jim dochter sa goed mooglik stimulearje wolle. Alderearst, jim hoege net benaud te wêzen dat sy it Nederlânsk net floeiend praten leare sil. De ynfloed fan it Nederlânsk om ús hinne is sa sterk, dy taal sil sy as fansels en fluch leare. Sy sil aanst, miskien sûnder dat jimme it trochhawwe, in soad Nederlânsk hearre om har hinne: fan jim freonen, buorlju, mar ek op telefyzje, op strjitte, en dochs ek op de opfang en letter op skoalle. Yn in stedske omjouwing is it hielendal net nedich om it Nederlânsk ekstra te stimulearjen, mar ek yn in lyts Frysk doarpke sil de twatalige ûntwikkeling fan jimme dochter eins as fansels gean.

Hasto ek in fraach oer meartalich opgroeien? Sjoch op https://heitenmem.nl/meertalig-opvoeden/ foar mear ynformaasje, of stjoer in berjocht oan ynfo@heitenmem.nl mei dyn eigen fraach. Wy beäntwurdzje ’m graach! Hoe wurket de meartalige ûntwikkeling en hoe kinst dy sa goed mooglik begeliede? Besjoch de animaasje op heit&mem.nl! https://bit.ly/3oX4Ezq

It Ingelsk is in oar ferhaal, dat heart sy (bûten de telefyzje om) wierskynlik net sa’n hiele soad om har hinne. Om de taal as ‘memmetaal’ praten te learen, sil sy in soad ynput krije moatte fan ien dy’t de taal sels ek as memmetaal hat, sa leart sy it Ingelsk it bêste. Mar as jimme wolle dat sy alfêst in pear wurdsjes Ingelsk meikrijt, dan is it al hartstikke moai om har sa no en dan ris yn it Ingelsk foar te lêzen. Dan hat se dêryn in moaie basis en soe se dy taal letter fierder leare kinne. Wat it Frysk oangiet: dat krijt sy no in soad om har hinne te hearren, en straks dus ek op de opfang. Dat is hartstikke moai, sa krijt sy in goede basis mei. Letter sil de ynput fan

it Frysk folle minder wurde, op skoalle krijt sy (ôfhinklik fan jim omjouwing) it meast Nederlânsk te hearren. It is dêrom belangryk om it Frysk, as minderheidstaal, krekt wat ekstra oan te bieden. It belangrykste datst dwaan kinst om har taalûntwikkeling te stimulearjen is foarlêze. Dat kin foar in part yn it Nederlânsk, of yn it Ingelsk, mar ferjit dus it Frysk net. Sa bout jimme dochter in goede taalbasis op en praat se, sadree’t se dêr oan ta is, yn in omsjoch ek floeiend Nederlânsk. En fierder: gewoan lekker in soad mei har prate: sjonge, foarlêze, oanwize, sjen litte, har fertelle watst dwaan silst ast har optilst of ferskjinnest... Sukses en in soad wille mei jimme dochter!


In Fries om utens Namme: Amarens Matthiesen (29) Wennet yn Kanada

Wêr komst wei en wat is dyn memmetaal? Ik bin yn Kanada berne, grutbrocht yn België en ha yn Skotlân en Kanada studearre. No wenje ik yn Kanada en doch ik promoasjeûndersyk op psychososjaal flak, oer hoe’t bern it ûnderfine om keuzes te meitsjen yn har eigen soarch yn bernesikehuzen. It Frysk is ien fan myn memmetalen – hoewol’t ik noch noait écht yn Fryslân wenne haw. Us mem is Frysk (oarspronklik út Minnertsgea) en ús heit is Kanadeesk. Hokker taal prate jim thús? Fan ’e berte fan myn suster en my ôf prate ús mem Frysk mei ús, en ús heit Ingelsk. Thús wurdt noch altyd Frysk praten tusken ús mem, myn suster en my, en prate wy Ingelsk mei ús heit. Soms prate myn âlders mei elkoar ek in mingeling fan Nederlânsk, Ingelsk en Frysk.

36

37

Hoe hast it ûnderfûn om meartalich grutbrocht te wurden? Yn myn ûnderfining ha ik allinnich mar foardielen hân fan in meartalige opfieding. Sa fûn ik it makliker om freonskippen te ûntwikkeljen mei minsken út oare kultueren en lannen, en ek om oare talen te learen. Dy en oare foardielen, sa as bettere kommunikaasjefeardigens en kreativiteit, komme ek nei foarren yn in protte ûndersiken. Hoe belangryk is de Fryske taal foar dy? Hoewol’t ik allinnich Frysk praat mei ús mem en myn suster, symbolisearret de Fryske taal in wichtich diel fan myn kulturele identiteit. As sels-útroppen Friezinne (en Kanadese) wie ik altyd benijd nei hoe’t it wêze soe om foar in langer skoft yn Fryslân te wenjen. Dêrom haw ik tusken oktober 2019 en febrewaris 2020 yn ’e haadstêd fan Fryslân wenne. Ik haw yntins

genoaten fan de Fryske taal, de kultuer, de minsken en it lânskip. Ik hie it gefoel dat ik ‘deryn paste’ – ek al moast ik wenne oan it feit dat ik ynienen ek mei oare minsken Frysk prate koe. Lykwols haw ik opmurken dat it Frysk minder en minder sprutsen wurdt yn Ljouwert. Ik freegje my ôf oft it in rol spilet dat hjoeddeistige âlders mear twifels fiele oer it ‘nut’ om mei bern Frysk te praten. Ek lies ik faak dat minsken miene dat der mar in beheinde romte is foar it learen fan mear as ien taal, en dat ien taal altyd te’n koste giet fan it learen fan in oare taal. Ik bin sels tankber dat ús mem de moaie Fryske taal oan ús trochjaan koe. De Fryske taal fielt as ús eigen, wêr’t wy yn ’e wrâld ek binne. Ik bin grutsk om in foarbyld te wêzen fan it feit dat men net per se yn Fryslân hoecht te wenjen om bern de Fryske taal mei te jaan.


De 10 soarten boartersguod dy’t bern ‘nedich’ hawwe Al biedt de natuer bern mear as genôch om te

Ut ûndersyk docht bliken dat bern kreativer wurde

boartsjen, bern wolle fansels ek graach yn ’e hûs

at se net tefolle boartersguod ta harren beskikking

boartersguod hawwe om mei te boartsjen en

hawwe. Ek binne se minder gau ôflaat. It is fansels

harren te ûntwikkeljen. Wolst graach wat minder

net sa dat dyn bern alles fan ûndersteand rychje ha

boartersguod yn ’e hûs, mar wolst dyn bern ek net

moat. Ek hoecht it allegear net nij te wêzen en

tekoart dwaan? Gean dan ris ûndersteand rychje

hoecht dyn bern al hielendal net fan alle soarten

nei. Ast it measte dêrfan yn ’e hûs hast, dan kin

út it rychje in hiele protte te hawwen om lekker

dyn bern him folop ûntwikkelje en hoechsto dy

boartsje te kinnen.

gjin soargen te meitsjen.


Bern meie graach dingen bouwe. Kinst se in hûs jaan, mar noch folle better is it om se in hûs bouwe te litten. Of in toer, in hynstestâl, in kastiel of wat se op dat stuit mar wolle. Dat kin mei moaie houten blokken, mar fansels ek mei bygelyks Duplo, Lego of Kapla. Der is foar alle leeftiden wol wat. Lit har fantasy it wurk dwaan! Hast wol wat om te bouwen yn ’e hûs , mar boartsje se dêr hast net mei? Help se dan ris op wei troch se in opdracht te jaan, wat foarbylden sjen te litten of meielkoar wat te bouwen.

2. Nifelguod Ast bern frij tekenje litst, sûnder opdracht of kommentaar, tekenje se ûnbewust wat harren dwaande hâldt. Dat lit se lekker tekenje, skilderje of nifelje. En dêrfoar hoechsto echt net in kast fol nifelguod te hawwen. At se in stik papier hawwe en wat om mei te kleurjen of te fervjen is dat genôch. Der sit in lytse Picasso yn elk bern.

3. Doeken of ferklaaiersklean It moaie fan (satinen) doeken is dat it fan alles wêze kin. Do kinst derûnder krûpe, it kin in jurk wêze, in cape of kinst der in tinte mei bouwe. Mar ek ferklaaiersklean prikkelje de fantasy fan in bern. Mei in oare pet op kinne se bygelyks ynienen in plysjeman wêze.

7. In bal Mei in bal kinst fan alles. It is it leukst om in wat lytsere en in wat gruttere bal yn ’e hûs te hawwen, sadatst der in hiel soad ferskillende spultsjes mei dwaan kinst. En it leuke is dat ballen geskikt binne foar alle leeftiden.

8. Wat om te fielen In soad bern fine it hearlik om de sintugen te brûken. Benammen it fielen mei de hannen oan bygelyks sân, boartersslym, stientsjes, wetter of klaai is altyd in sukses by bern. Se kinne dêr har fantasy yn kwyt (taartsjes bakke) mar ek de emoasjes. Sa kinne se bygelyks rêstich wurde fan it kneden fan sân, slym of klaai.

9. Muzyk Fan muzyk wurde wy bliid. Mar it kin ek in útlitklep wêze. In wize om te kommunisearjen. Bern fine it leuk at se wat ha om op te blazen, te slaan of nei te lústerjen. Okee, it is foar heit of mem net altyd fijn oan ’e earen, mar as it bern dêr no wille mei hat...

4. Boeken Foarlêzen is hiel goed foar de ûntwikkeling fan in bern. Mar it lêzen sels is wichtiger as it hawwen fan in soad boeken. En jonge bern fine it hearlik om boeken hieltyd mar wer op ’e nij te lêzen. Om dyn bern net fersûpe te litten yn tefolle boeken, kinst de boeken dy’t dyn bern ûntgroeid is wer trochjaan oan in oar bern, lid wurde fan de biblioteek of de boeken op de bernekeamer ôfwikselje.

5. Popkes

10. Pop / Bear Ek bern fine it fijn om te soargjen. As se in poppe of in bear ha om fan te hâlden, kin dat harren in feilich en fertroud gefoel jaan. Ek kinne se harren emoasjes spegelje op de pop of bear. Kies ek by de pop foar ien dy’t sa neutraal mooglik is, sadat it bern der sels foar kieze kin oft de pop fleurich of fertrietlik is.

Mei popkes, dat kinne ek bisten wêze, kinne bern harren eigen belibbingswrâld neiboartsje. De popkes of lytse bistkes kinne fansels ek Barbies of popkes fan Lego of Playmobil wêze. En nochris, it is echt net nedich om dêr in soad fan te hawwen!

6. Wat mei tsjillen Bern binne sljocht op alles wat ride kin. Oft it no in poppewein, trekker, trein of auto is, as der mar tsjillen ûnder sitte. Kies by foarkar wol deeglik boartersguod dat net oant yn detail útwurke is. Sa bliuwt der ek wat romte oer foar de fantasy fan it bern.

38

39

Miskien kinst foar dyn bern noch wat oan de list tafoegje, lykas spultsjes of puzels, wat om oan te hingjen of yn te klimmen. En miskien kin der wol wat fan it rychje ôf, om’t dyn bern dêr hielendal gjin behoefte oan hat. Elk bern is oars, dus sjoch goed nei wêr’t dyn bern ferlet fan hat.

Skriuwer: Dieuwke van der Meer

1. Blokken


thúswurden Fakânsjekorrels, stipkefleis of in klabab. Dat binne fan dy wurden dy’t oars gjinien begrypt, om’t se allinne by jim thús brûkt wurde. Heit&mem frege oan jimme:

Slikslak = flessenlikker

hokker thúswurden wurde der by jim thús brûkt?

Greetje Ausma: ‘Een slikslak gebruik je om de flessen helemaal schoon en leeg te krijgen.’

Hoeptiedoe = drompel

In koproltsje fleis = in oprôle plakje fleisguod

Miranda Hoekstra: ‘Wy fûnen pas nei ús 19e en 21e út dat dat wurd net echt bestie.’

Anke van der Kuur: ‘Al ús fjouwer bern brûke dat, it is in begryp wurden.’

It bakje = de afstandsbediening Yris Reilly: ‘It bakje, dat wie by ús thús altyd de ôfstânsbetsjinning. Ik ha it nea in oar sizzen heard.’

Pakehagels = vruchtenhagelslag

Heksesop = smoothie Aukje-Tjitske Dieleman-Hovinga: ‘Ea betocht om myn famke fan 3 jier in fruitmingsel ite te litten fan banaan, sinesappelsop en brinta yn de blender. Se is no 8 en it hjit noch altyd heksesop.’

Klabab = kikkert

Jellie Venema: ‘Pakehagels, omdat pake dy altyd op ’e bôle struide.’

Bert Tacoma: ‘Klabab wie by ús thús altyd in oar wurd foar kikkert.’

Fakânsjekorrels = vruchtenhagelslag

Kantkoeke = klap foar de kont Joukje Hamersma: ‘Dat grapke makke ús heit altyd, doe’t ús bern noch lyts wienen. Us bern ha it dêr noch altyd oer. Pake bedoelde it as grapke, net as straf hear ;)

Hilda Raap Hoekstra: ‘By ús thús kocht mem allinnich yn de fakânsje “vruchtenhagel”. Dêrom neamden wy it fakânsjekorrels.’

Loua’s = schoenen Nynke: ‘Onze dochter Saar van inmiddels 10 jaar zei dat vroeger toen ze klein was altijd. We hebben het erin gehouden.’

Pine toskje = fluoridetabletsje Anneke: ‘Pine toskje, dat wie it fluoridetabletsje dat wy jûns opsobje moasten.’

Stipkefleis = cervelaatworst Joukje Hamersma: ‘Dat seinen ús bern doe’t se lyts wienen, mar wy brûke it wurd noch altyd. Ek sizze wy “pine-yn-’e-holle-muntsje” tsjin paracetamol!’


VOGELTJE

Als ik de onderzoekkamer binnenloop, stel ik me voor aan het meisje en haar moeder. ‘Ik heet Sjoeke’, zegt het meisje. ‘O, wat leuk,’ zeg ik, ‘zo heet mijn moeder ook.’ ‘Wat is er aan de hand?’ Sjoeke houdt haar hoofd scheef en strijkt het haar uit de hals. Ik zie een zwelling, de huid erboven is rood en schemert een beetje blauw door. Moeder vertelt: ‘Sjoeke zit nu een paar maanden in groep 1. Een paar weken geleden zagen we de bult in haar hals. Ze was niet ziek en we dachten dat het wel over zou gaan. Dat zei de huisarts ook. Maar de bult wordt steeds groter, hij is nu zo groot als een ei. Dat vinden we eng. Is het geen verkeerde ziekte?’ Sjoeke is niet ziek, heeft geen koorts, zweet niet en valt niet af. Ik onderzoek haar: er zijn geen andere bulten of zwellingen. De bult in de hals is zo groot als een ei en voelt niet hard aan. Het lijkt me geen kwaadaardige ziekte. Op deze leeftijd groeien die sneller en voelen anders aan. Ik denk meer aan een infectie. Er zijn verschillende soorten infecties die zo’n ei in de hals kunnen veroorzaken. Bloedonderzoek laat zien dat er geen kwaadaardige ziekte is, maar dat er een infectie is. Volgens mij heeft Sjoeke vogeltuberculose. Vogeltjes-tb, zoals dat ook wel wordt genoemd, komt niet zo vaak voor. De zachte zwelling op die plaats en de rood-blauwe huid zijn typische verschijnselen. Vogeltjes-tb gaat vanzelf over. Antibiotica kunnen helpen om het sneller weg te krijgen. Een operatie kan ook, maar dan blijven soms lelijke littekens over. Hoe je aan vogeltjes-tb komt, weet niemand. De bacterie die het veroorzaakt, komt bij vogels voor, vandaar de naam. De ouders kiezen voor het geven van antibiotica. Sjoeke heeft gelukkig geen last van de medicijnen. Na een tijdje komt ze terug om te laten zien hoe het gaat. Het gaat goed. Moeder zegt: ‘U noemde het vogeltjes-tb, wij zeiden dat het een ei met een tb-vogeltje was.’ Ik zie dat de huid nog een beetje rood en dik is. Dat zal ook verdwijnen, Sjoeke is beter. Ze zegt: ‘Het tbvogeltje is het ei uitgekropen en nu – ze spreidt haar armen en handen − is het tb-vogeltje gevlogen.’ Ze kijkt wijsneuzerig rond en moet er zelf erg om lachen.

40

41

Tjalling de Vries (1959) is sinds 1991 algemeen kinderarts in het Medisch Centrum Leeuwarden. Hij is getrouwd en vader van drie kinderen: Fedde (1991), Marga (1995) en Anne (1998).


Pretecho op dyn eigen bank


De pretecho. Einlings kinst dyn lytse poppe yn it echt besjen. Sa bysûnder! Dat barren kin no noch bysûnderder wurde, want echoskopiste Doete Reitsma jout pretecho’s oan hûs. Sa kinst it libben yn dyn búk besjen yn dyn eigen wenkeamer. Michelle en Marcel probearren it en binne entûsjast.

Dat broerke of suske hâldt de spanning der goed yn, want Doete moat aardich har bêst dwaan om it geslacht te bepalen. Oant twa kear ta mei Michelle in rûntsje troch de hûs rinne om de poppe draaie te litten. Hindert neat, neffens Doete: ‘Dat is it leuke oan sa’n pretecho oan hûs: wy ha de tiid, want der sit net in oar yn ’e wachtkeamer te wachtsjen.’ Koroanaproof As ferloskundige en echoskopiste begûn se yn 2015 mei har eigen ûndernimming Dubbel Zen. Oant no ta is se de iennige ferloskundige yn Nederlân dy’t pretecho’s oan hûs oanbiedt. ‘Ik snap ek net wêrom’t oare minsken net op dit idee komme. Miskien om’t in draachber echoapparaat in hiele ynvestearring is. Dat fan my komt út Italië en ha ’k nei in lange syktocht oanskaft. Ik ha der noch net in momint spyt fan hân, want ik fernim dat stellen it hiel leuk fine om op dizze manier fan de swangerskip te genietsjen. Flak nei de lockdown wie it hielendal ideaal. Reguliere echosintrums fersoargen gjin pretecho’s mear en partners en bern mochten net mei, dus doe die ik alle wiken wol tritich echo’s. As elkenien klachtefrij is en wy ús oan de oardelmeterregel hâlde, kin dat ek gewoan trochgean. Goede ûntsmettingsdoekjes brûkte ik gewoanwei ek al.’ Neist pretecho’s (2D, 3D en 4D) biedt Doete mei Dubbel Zen ek swangerskipskursussen oan as tarieding op de berte. Ek dy binne koroanaproof, want online of privee oan hûs.

42

43

Skriuwer: Marrit de Schiffart Fotograaf: Hippe Kiek fotografie

‘Sjoch, de lytse swaait eefkes nei heit en mem en grutte broer!’ Doete Reitsma (31) draait oan ’e knoppen fan har echo-apparaat en beweecht mei de echokop oer Michelle Kooistra (29) har búk. Sy is 16 wiken yn ferwachting en leit relaxt op har eigen bank mei eigen kessens ûnder de holle. Har man Marcel Bouwhuis (35) sjocht mei grutte eagen nei it skerm. Op syn telefyzje ditkear gjin Netflix-searje, mar live bylden fan syn twadde berntsje. ‘Sa’n echo is altyd ûnwerklik om nei te sjen, mar dat it ditkear ek nochris gewoan hjir thús yn Noardburgum is, fielt noch fantastysker.’ Grutte broer Jayson (3) is noch net ûnder de yndruk. Hy fynt foaral de rôze en blauwe ballonnen dy’t er fan heit en mem krigen hat leuk. Hjoed komt hy te witten oft er in broerke of in suske krijt…


Waarmer en persoanliker As it klopjende hertsje fan de lytse poppe ‘moai fluch en regelmjittich’ troch de wenkeamer klinkt, wurdt Jayson stil. Komt dat lûd echt út mem har búk wei? Dat Jayson der no by wêze kin, wie foar Michelle en Marcel de grutste reden om foar in pretecho oan hûs te kiezen, fertelt Michelle. ‘Fanwegen koroana mei hy net mei nei in regulier echosintrum.’ Mar bûten dat fynt it stel it ek in hiele moaie erfaring. Marcel: ‘It is op dizze manier waarmer en persoanliker. Sa sûnder tiidsdruk en yn dyn eigen wenkeamer kinst echt fan it momint genietsje.’ It doel fan in pretecho is net diagnostysk, Doete siket dan ek net nei eventuele ôfwikingen. Dat wurdt dien by in 20-wiken-echo en soks heart net thús plak te finen, fynt se. ‘Stel dat der wat mis is, dan is it better datst al op it goede plak bist.’ Dochs sil de echoskopiste it wol oanjaan as se tinkt dat der wat oan ’e hân is. ‘Dan stel ik de behanneljend ferloskundige ek op ’e hichte. Gelokkich is soks noch noait foarkommen.’ It konsept fan de pretecho oan hûs is foaral bedoeld as moaie belevenis foar de takomstige heit en mem. ‘Want,’ stelt Doete, ‘it is

‘Sûnder tiidsdruk en yn dyn eigen wenkeamer kinst echt fan it momint genietsje.’ belangryk om mei in waarm gefoel oan dyn swangerskip werom te tinken.’ It moaie fynt se dan ek dat elk in oare draai oan har pretecho jout. It iene stel docht it op jûntiid, hiel sfearfol en yntym mei brânende iepen hurd en kearskes, wylst it oare pear hielendal útpakt troch de hiele famylje út te nûgjen en der in live gender-revealparty fan te meitsjen, ynklusyf alle bybehearrende toeters en bellen. De pretecho wurdt ek wolris kado jûn. Michelle en Marcel ha op dizze moandeitemoarn wer wat oars betocht. Sy wolle net fuort fan Doete witte oft se in jonkje of in famke krije, mar litte de echoskopiste in ballon folje mei konfetty yn de goede kleur. Nei de pretecho komme der in pear famyljeleden om de ballon stikken te prikken. Mei in grutte knal sille se der dan meielkoar achter komme dat Jayson yn febrewaris in lyts broerke krijt!

44

45


Noflik fanalles & in lokkich altyd! &

44


Auck Peanstra ‘Sa, Tomke’, seit Kornelia. ‘No sliepe.’ Se leit it boek op it kastke. ‘Noch ien ferhaaltsje!’ seit Tomke. ‘Dan is it boek út.’ Kornelia laket, se pakt it boek wer. ‘Goed, mar dat is dan écht it lêste.’ Kornelia lêst it ferhaal foar. ‘Uterdepút!’ seit se en docht it boek ticht. Se jout Tomke in tút. ‘Lekker sliepe, Tomke.’ Se aait Romke oer de kop. ‘Lekker sliepe, Romke.’ Kornelia wiuwt noch eefkes, dan is se fuort.

Yn ’e keamer ploft se op ’e bank. Se krijt in boek en begjint te lêzen. It is hiel stil yn ’e hûs. Mar... in skoftke letter net mear. Wat heart se dêr dochs? Krekt of prate der minsken. Kornelia sjocht troch it rút. Der is net ien bûten. Wêr komt it praten dan wei? Se rint nei de gong. Hjir heart se it noch better. It komt fan boppen! Hiel foarsichtich slûpt se by de trep op. It praten komt fan Tomke syn keamer. Kornelia harket oan ’e doar.

It is Tomke, hy lêst in ferhaaltsje foar. Stadich docht se de doar iepen. Tomke sit op bêd mei Romke njonken him. En Tomke lêst Romke foar. Tomke laket as er Kornelia sjocht. ‘Ik kin sels ek wol foarlêze’, seit er. ‘Prachtich!’ glimket Kornelia. ‘Dan meisto my moarn in ferhaaltsje foarlêze.’ Se krijt him it boek út ’e hannen. ‘Moarn! Mar no sliepe, hear.’ Tomke krûpt ûnder it dekbêd. ‘Okee,’ seit er, ‘fan foarlêzen wurde je wol wurch.’ Dan falt er yn ’e sliep.

Skriuwer: Auck Peanstra Yllustraasje: Luuk Klazenga Ut: It Grutte Foarlêsboek diel I (Afûk)

Noch ien Reedride ferhaaltsje

Wolsto ek FERGEES moaie printables, wurdkaarten, ferhaaltsjes, kleurplaten, ferskes en nifelwurkjes foar pjutten yn dyn mailbox krije? Sjoch dan op www.tomke.nl en meld dy oan foar de nijsbrief!


Sipke Bjinse Sangers 14 juny 1960 De Westereen

Namme: Berne op: Wennet yn:

Sipke Hietkamp 1 febrewaris 2018 Kollumersweach

FERNEAMD

Sipke

Betsjutting Sipke: ‘oerwinning’

‘Pake dropke?’ Pake syn auto stiet noch mar krekt foar hûs of Sipke en syn broer Wiebren drave op him ôf. ‘Se witte dat ik dropkes yn de auto ha. It is altyd it earste wat se freegje’, seit pake Sipke. Dat Sipke Sipke hyt, hat er miskien wol oan syn broer te tankjen, en oan syn oare pake, pake Wiebren. ‘Mar pake Wiebren is al begroeven’, seit Wiebren fuort. ‘Pake Wiebren wie siik doe’t we derachter kamen dat ik yn ferwachting wie’, leit mem Sita út. ‘We wienen der doe noch net oer út oft we ferneame woenen, mar syn siikwêzen sette ús oan it tinken. Pake Wiebren hat Wiebren net mear meimakke, it gie sa fluch mei him. Mar hy hat earder as alle oaren wol witten dat ik yn ferwachting wie, dat wie hiel bysûnder. Hy hat genoaten fan dat geheim.’ Wiebren waard koart foar de krystdagen berne. Sita: ‘Dat hat sa wêze

46

47

moatten, hat myn skoanmem doe sein. “Gjin krystdagen sûnder Wiebren”.’ Doe’t Wiebren oardel jier wie, rekke Sita wer swanger. Dat waard in Sipke. Yn de famylje komme folle mear Sipkes foar, al wie it by pake Sipke eins net de bedoeling dat er sa hite soe. ‘Ik soe eins Bjinse hite’, fertelt er. ‘Mar dat fûn ús heit net sa’n moaie namme. Dus by it gemeentehûs hat er my Sipke neamd. Sipke Bjinse. Wat beppe dêrfan fûn, dat ha we noait witten. Dat is it grutte famyljegeheim’, seit er mei in knypeach. Pake Sipke: ‘Wat de betsjutting is fan Sipke witte we net. Fêst “heldhaftige krijger” of sa. Ast in namme opsikest, is it fansels noait in “onnozele domkop”, haha.’ De heldestatus soe goed passe, want de heldhaftichheid sit yn de famylje. Pake

Sipke: ‘Us heit siet yn de oarloch yn it ferset. It ferset hat in grutte rol spile yn dizze omkriten, ûnder oaren mei it preparearjen en sinke litten fan skippen. It byld dat by Kollumerpomp stiet, is it plak dêr’t ús heit fochten hat.’ Pake Sipke fynt it moai om pake te wêzen. ‘Ik ha der no mear tiid foar as froeger mei ús eigen bern.’ Hy giet graach mei se nei it Feankleaster Bosk. ‘Dêr kinne we in hiele middei omrinne. Eintsjes en fiskjes bôle jaan, efkes by de herten del.’ En fansels by de Heremiet yn it boskhúske del. ‘Yn myn herinnering koe er froeger ek bewege, mar dat is no net mear sa.’ Sterke ferhalen smyt it wol op. Sita: ‘De jonges komme altyd entûsjast en fol aventoerlike ferhalen wer thús as se der mei pake Sipke en beppe Riekje op út west ha. En as wy dêr dan ris as gesin komme, witte se elke beam presys te finen.’

Skriuwer: Thea van der Schaaf Fotograaf: Hippe Kiek Fotografie

Namme: Berne op: Wennet yn:


Pippi yn it Frysk! Nij!

€ 22,50 websjop.afuk.frl

Profile for Dieuwke Posthumus

heit&mem nr. 2 2020  

Advertisement
Advertisement
Advertisement

Recommendations could not be loaded

Recommendations could not be loaded

Recommendations could not be loaded

Recommendations could not be loaded