Skriuwer: Nynke van der Zee
Wat bisto moai ast lilk bist In gûlend bern dat op ’e grûn yn ’e supermerk foar it rek mei snobbersguod leit te spinfuotsjen fan lilkens. Dat wolle je as heit of mem leafst net meimeitsje. Dochs is lilk wêzen hiel goed. ‘It is in oerynstinkt dat wy absolút net tsjinhâlde moatte’, fynt bernecoach Tea Adema. ‘Echt goed lilk wêze is eins hiel moai.’
Stampfuotsje, skelle, skoppe of slaan; it binne allegear uteringen fan lilk wêzen. ‘Net elk bern is op deselde wize lilk’, wit Tea Adema. ‘Hoe’tst lilk bist hat te krijen mei hoe’tst dat fan dyn heit of mem leard hast. Hjoed-dedei is lilk wêzen in taboe wurden; it past net yn ús perfekte plaatsje. Wylst lilk wêze just sa wichtich is. Dêrmei jout in bern in grins oan. Oant hjir en net fierder. Mar omdat bern tsjintwurdich net mear lilk wêze meie, sjochst dat der problemen ûntsteane.’ It grutste probleem Driftbuien, jengelje en seure; problemen mei it uterjen fan lilk wêzen steane boppeoan it listje fan fragen wêrmei’t heiten en memmen by Tea oanklopje. ‘Wat ik faak sjoch is dat heiten en memmen sels ek net leard hawwe wat se mei harren lilke gefoelens