__MAIN_TEXT__

Page 1

10 jier

gratis & fergees

NR.1 2019

bevallen met een doula grutte ynterview Hindrik van der Meer gesinnen de bernefysioterapeut de skoaltún MEI FOA RLÊSFERH A LEN, DE NI JS TE BERNEBOEKEN, KRE A MK A DOOT S JES EN NOCH FOLLE ME A R...


ADVertentie Kinderopvang in Friesland

Buitenschoolse opvang | Kinderdagverblijf | Peuteropvang | Gastouderopvang

Gewoon geweldig

... wij bieden liefdevolle aandacht en geborgenheid voor ieder kind

Bekijk onze locaties op kidsfirst.nl

Elke dag een mooie dag! • kinderopvang • buitenschoolse opvang • peuteropvang • gastouderopvang U vindt ons op verschillende locaties in de gemeenten Heerenveen, Opsterland, Tytsjerksteradiel, Súdwest Fryslân, Harlingen en Smallingerland. T 0513 - 610 825 M info@kinderwoud.nl

Meer informatie over gastouderopvang vind je op kidsfirstgastouderbureau.nl

Vragen? Bel: 088 – 035 0400

mindful zwanger Wil je ook beter leren luisteren naar jouw gevoel, jouw lichaam en meer genieten van je zwangerschap? Geef je dan op voor de cursus Mindful Zwanger! In 4 bijeenkomsten leer je je bewustzijn en je vertrouwen te vergroten en meer te ontspannen zodat je klaar bent voor de bevalling.

meer info info@praktijkeszense.nl | 06-46374490 | www.praktijkeszense.nl | Joure

kinderwoud.nl


Dieuwke van der Meer

sinne, swemme, iisko’s ite lekker nei it strân skelpkes sykje,bleate fuotsjes in ammerke yn’e hân

bûten boartsje mei wetter grieme gie dit mar nea foarby Want simmer, do bist fantastysk wy genietsje sa fan dy!


ynhâld

20

NR.1

Hieke Rienstra (redakteur) Doe’t ik by Marije Steen op besite wie foar de rubryk ‘yn ferwachting’ (sjoch side 20), wiene wy beide goed 30 wiken yn ferwachting en koene wy dus ek eefkes gesellich kwaaltsjes útwikselje. Hasto ek sa’n lêst fan maachsoer? En slagget it sliepen by dy noch wat? Wat bringt it swier wêzen dochs in soad bywurkingen mei! It iene ferfelende kwaaltsje is noch net oer of je hawwe alwer ergens oars lêst fan. Mar foar minsken mei diabetes bliuwt it net by ferfelende kwaaltsjes, begriep ik al gau út it ferhaal fan Marije. Har libben wie al folslein op ’e kop setten nei de diagnoaze diabetes, mar in swangerskip wurdt dêrnei hielendal yngripend. Ik bin dan ek bliid dat Marije yntusken in prachtich sûn famke krigen hat!

24

Ciska Noordmans (redakteur) Taal draacht fierder op muzyk, seit Hindrik van der Meer, as ik by him bin. Wylst syn frou oan de keukentafel moaie grutte giele goudringenetten skylt, sjongt Van der Meer it iene nei it oare wyske foar my. Memorylane! It binne evergreens út de tiid dat ik studint by him wie. It binne faaks deselde ferskes dy’t jim sjonge foar jim bern. Wolst mear witte oer de muzykman achter Kees Kikkert, Bijke, Bijke, Bijke en In knyn, minemyn, minemyn, lês dan fierder op side 24.

Kolofon Korreksje:

Hippe kiek fotografie by

Dizze heit&mem is de earste

Losse nûmers:

Ytsje Steen-Buwalda

Sjoeke www.hippekiek.nl

fan de twa nûmers dy’t yn

Losse nûmers kinne besteld

Redaksje-adres /útjouwer:

2019 ferskine sille.

wurde fia websjop.afuk.frl,

Haadredaksje:

www.heitenmem.nl

Redaksje-adres / útjouwer:

Yn it foarjier ferskynt De

foarsafier op foarried.

Dieuwke van der Meer

ynfo@heitenmem.nl

Afûk

lytse heit&mem, in útjefte

Postbus 53

dy’t fia de gemeente yn it

Redaksje:

Printwurk:

8900 AB Ljouwert

Taalkado ferspraat wurdt.

Ciska Noordmans

Senefelder Misset

www.afuk.nl

Heit&mem is in meartalich

Hieke Rienstra

www.senefelder.nl ISSN: 1878-4437

Skriuwers:

ynfo@afuk.nl /

op âlders mei bern yn Fryslân.

ynfo@heitenmem.nl

Heit&mem is fergees te krijen

tel.: 058 - 234 30 70

by boekhannels, bibleteken,

Utjûn mei stipe fan de

gemeentehuzen en in protte

provinsje Fryslân.

Foarmjouwer:

Klasina van der Werf

BW H ontwerpers

Marieke Vinckers

www.bwhontwerpers.nl

Distribúsje:

oare iepenbiere romten. Sjoch

Nynke van der Zee

info@bwhontwerpers.nl

Heit&mem wurdt fergees

foar de ferspriedingslist op

Paul van Dijk

tel.: 058 - 213 35 43

ferspraat yn in oplage fan

www.heitenmem.nl

Willy van Assen

Yllustrators: Luuk Klazenga

heit&mem kinst ek folgje fia:

tydskrift en spesifyk rjochte

Arjanne Nijp

40.000 eksimplaren. Der

Tjalling de Vries

ISSN: 1878-4437

Fotografy:

wurdt wurke neffens in

Het Hoge Noorden

redaksjestatút dat boarch

www.hogenoorden.nl

stiet foar de ûnôfhinklikheid fan de redaksje.


Klasina van der Veen (tekstskriuwer) ‘Doch dyn jas en skuon no oan en ferjit dyn tas net. Ik ha it al fiif kear tsjin dy sein, aanst komst te let op skoalle.’ Sa giet it alle dagen by ús thús yn ’e moarnsdrokte. Foaral de âldste dochter fan 7 jier hat foar de gewoante om moarns te treuzeljen. It wie dan ek even wennen dat ús jongste famke doe’t se twa jier wie sels har klean al útsocht en oandie. Op har hoege wy noait te wachtsjen. Sy kin soms wol hiel lulk wurde as it oars rint as ferwachte. Fan Marthe Postma ha ik no leard dat ús bern dêr neat oan dwaan kinne. It hat alles te krijen mei it ûntwikkeljen fan de ‘executieve functies’. Nijsgjirrich nei hoe’t dat sit? Lês dan it ynterview op side 40.

40

gratis & fergees

NR.1 2017 GRATIS EN FERGEES me i nim my

gratis & fergees

Gogodil?! Als de taalontwikkeling achter blijft.

NR. 02 - 2014

NR.2 2015

Beurs Gezin

gratis & fergees

NR.1 2016

Me m

He it & r by! is de

De 10 moaiste Fryske berneboeken!

Dieuwke van der Meer (haadredakteur) Dit jier bestiet heit&mem alwer tsien jier. Ik bin der fan it begjin ôf al by en nee, it ferfeelt noch lang net. It blêd hat trouwe lêzers. Al is it blêd bedoeld foar âlders mei bern fan 0 oant en mei 12 jier, ik wit dat der ek genôch minsken binne dy’t bûten dy doelgroep om it blêd graach lêze meie. Sjoch mar op side 15. Foar dy leit dan it fiifentweintichste nûmer. In bysûnder nûmer. In blêd mei in gouden rantsje. Al is it allinne al om’t myn eigen soan Jilles op de cover stiet te pronkjen.

bern trouwe mei meer smaaklessen geen hartslag en te veel speelgoed er jild om hann winkelje sûnd R... FOLLE ME A MEI FOA RLÊSFER

EKEN, JS TE BERNEBO H A LEN, DE NI

KRE A MK A DOOT

S JES EN NOCH

Voorlezen Handige mediawiisheid-tips! Bûtenboartsje beïnvloedt kleuterbrein Mem en ferslaafd Styfmem wêze Meartalich grutbringe Ouders als spiegelbeeld Groeipine EN NOCH FOLLE ME A R! S PP A MEI GR A PPIGE BERNEPR A AT S JES, DE NI JS TE BERNEBOEKEN, Dwanghandelingen 25-09-15 16:30

AFUK_HEITENMEM_2015_#3_29.indd 1

MEI GR A PPIGE BERNEPR A AT S JES, DE NI JS TE BERNEBOEKEN, A PP S EN NOCH FOLLE ME A R! AFUK_HEITENMEM_2016_#1_DEF.indd

16-09-14 12:56

15

ynhâld 04 Kolofon 06 heit&mem post 08 Ast it hânskrift fan dyn bern net lêze kinst 11 Swier & Swiet 12 Wat bisto moai ast lilk bist 14 Simmer 15 10 jier heit&mem 16 Us hobby 19 Bernepraatsjes 20 Yn ferwachting 22 Sa prate wy thús 23 Kollum Paul van Dijk 24 De hertslach fan it liet

4

5

1 31-03-16 10:09

AFUK_HEITENMEM_2014_#3_N_27.indd 1

26 Bevallen met een doula 31 Kollum Tjalling de Vries 32 Grutte gesinnen 34 Nije boeken 36 Boekresinsjes 37 De Simke Kloostermanpriis 38 Dûnsje mei Tomke 40 Leren omgaan met het leven 42 Mei de hannen yn 'e modder 44 Tomkeferhaaltsje 45 Junglebisten 47 Ferneamd


Wolsto wat oan ús kwyt? In bysûnder ferhaal, in moaie foto, in goeie tip of gewoan dyn miening ergens oer? Mail it ús of stjoer it op! ynfo@heitenmem.nl

POST

Heit&mem Postbus 53 8900 AB Ljouwert. Of sykje ús op fia Facebook, Instagram, Pinterest of Twitter.

Myn boekje Dit is Djurre út Balk. Hy fynt it boekje Mei ik yn dyn pemper sjen? sa moai omdat de pemper echt 'iepen' kin. De keuteltsjes dy’t hy dan sjocht, binne fansels hartstikke grappich. Altyd as Djurre op it potsje giet, moat dit boek derby!

Op de cover Op de cover stiet Jilles Hylke van der Meer út Winsum. Hy is berne op 28 febrewaris 2018. Jilles syn grutte sus Maaike (7) rint ûnder de fotoshoot ek yn it moaie blommefjild om. Se docht krekt oft se har broerke pakke sil as fotograaf Sjoeke de foto makket. Jilles fynt de blommen prachtich. Om’t heit&mem 10 jier bestiet, docht Jilles op de foto hjirûnder noch even de hannen yn ’e loft. ‘Hyp Hyp Hoera!’

Hasto ek in moaie foto fan dyn bern mei in Frysk boekje? Mail de foto gau nei ynfo@heitenmem.nl!

Sprekend!

Hjir in foto fan heit Luc (links) en soan Sörn (rjochts). En net allinne it uterlik komt oerien, ek kwa karakter binne se út itselde hout snien.

Anneke Terluin-van der Werf: links ik, doe’t ik 3 jier wie, en rjochts myn dochter Lutske Hendrikje Terluin doe’t se 3 jier wie.


Poppe fan de moanne

septimber 2018

augustus 2018 Jochum Tjeerd Huizenga út Sweagerbosk (berne op 06.07.2018)

Pieter Zwarts út Kollumeroktober 2018 sweach (berne op 30.07.2018) Doutzen van Buuren út Grou (berne op 29.08.2018)

febrewaris 2019 desimber 2018

jannewaris 2019

Feike en Doutzen Mol út Frjentsjer (berne op 10.10.2018)

Fokke Wessels út Bunderhee (Dútslân) (berne op 30.09.2018)

Jelte Sjoerd Posthumus út Hantumerútbuorren (berne op 29.12.2018)

novimber 2018 Fardau Haagsma út Stynsgea (berne op 20.02.2018)

maart 2019 Manoah Zijlstra út Marum (berne op 04.02.2019)

april 2019 Is dyn poppe, buorfamke, neefke of beppesizzer de moaiste poppe fan de wrâld? Upload dyn foto op www. heitenmem.nl! De poppe mei de measte stimmen kriget in Frysk poppepakket tastjoerd. Dochst ek mei?

Julia Janssen út Garyp (berne op 20.11.2019)

Beppe hat al in man Lêsten gie ik mei myn beppesizzer Jente fan 8 jier op stap. Wy hawwe lekker in ijsko iten op in terras. Doe kaam der in man neist my sitten. Hy frege: ‘Mei ik hjir wol sitte? En oars kom ik wol by jo op skoat sitten.’ Jente sei doe: ‘Dat soe ik mar ferjitte, want beppe hat al in man …’ Dit is onze Tjitske (1 jaar) en beppe Tjitske, inmiddels 67 jaar

6

7

Pietsje Biesma-Hazenberg út Burgum


Skriuwer: Ciska Noordmans Foto: Hoge Noorden

Ast it hânskrift fan dyn bern net lêze kinst Bernefysioterapeute Geeske van Kesteren: ‘Elk bern freget om in eigen oanpak, net allinnich omdat elk bern oars is, mar ek fanwege de ûntwikkelingsfaze dêr’t it bern yn sit. Dat binne essinsjele dingen foar bernefysioterapeuten om rekken mei te hâlden.’ Geeske van Kesteren is fysioterapeute by Fysio Lemsterpark en hat de master Kinderfysiotherapie yn ’e bûse. Trije jier ekstra stúdzje om bern fan 0 oant 18 jier behannelje te kinnen. Wat soe sy tsjinkomme yn har praktyk?


Elkenien hat wol in byld by de bernefysioterapeut. Dêr giest mei dyn bern hinne as se blessearre rekke binne by hockey, út ’e ringen fallen binne by gymnastyk of in rotskop hân ha by fuotbal. ‘Sokke ortopedyske klachten behannelje wy fansels ek. Mar dat is mar in part fan it wurk. We besykje de pine te beheinen en sjogge hoe’t oefeningen ynset wurde kinne om it liif sterker te meitsjen. Soms komme blessueres troch domme ûngelokjes of oerbelêsting, mar it kin ek wêze dat guon spieren yn it liif ferkeard brûkt wurde’, leit Geeske út. ‘Fierder sjogge wy hjir bygelyks pubers mei groeipine. Dat freget wer in oare oanpak. Ik freegje har de pine in sifer te jaan fan 0 oant 10. Hoe sear docht it hjoed? En hoe wie dat foarige wike? In bytsje minder sear beynfloedet de mindset. Wy besykje harren grip op ’e pine te jaan.’ ‘Witst wêr’t wy in protte tsjinoan rinne?’ freget Geeske. ‘Tsjin problemen mei de lytse motoryk, de lytse bewegingen mei de fingers. It binne meast juffen en masters fan basisskoallen of liedsters fan de opfang dy’t konstatearje dat der wat mis is, as bygelyks it hânskrift ûnlêsber is. By de bernefysio geane wy dêr boartsjendewei mei oan ’e slach. Net allinnich bern moatte oertsjûge wurde, mar foaral ek âlders moatte wy meikrije yn ús behannelingen. Want in ôfspraak by de fysio is fansels ien ding, mar it oefenjen thús heart der likegoed by. Ik bepraat mei bern en âlders it belang fan it oefenjen. Fansels helje ik alles út ’e kast om in lifestyle-feroaring yn gong te setten. In protte bern bewege te min of brûke hiel faak deselde bewegingen, tink mar ris oan bern dy’t altyd mei de auto nei skoalle

brocht wurde of jonkjes dy’t altyd fuotbalje, of bern dy’t faak mei twa fingers digitale games spylje.

‘Troch te skriuwen, mar ek troch knoopkes fêst en los te meitsjen, ritsen ticht te dwaan, te fiterjen en mear fan soksoarte fan “dinkjes”, kinst dyn lytse motoryk oefenje en ferbetterje.’ Om ien safier te krijen dat er écht syn libben feroarje wol, moatst de needsaak dúdlik meitsje. En sa’n boadskip lânet it bêste asto de minsken rekkest yn it hert. En dus set ik dêr taal by yn. Ik slút my altyd oan by de taal fan de bern en de âlders. Ik nûgje se út harren foaral net te ferbrekken as sy Frysk prate. It praten fan de eigen taal jout ûntspanning. Bern en âlders kinne dan better útlizze hoe’t sy har fiele, en begripe ek better wat der bedoeld wurdt. It feroarjen fan dyn libbensstyl sit ’m soms ek yn lytse dinkjes mei in grutte impact. By de fine motoryk, dy’t by skriuwen sa belangryk is, wurde de beide helten fan dyn brein mei-inoar ferbûn. En dat befoarderet tagelyk de taalfeardichheid. As de fine motoryk goed is, meitsje bern minder flaters yn de stavering (spelling) en lêze se better.

Troch te skriuwen, mar ek troch knoopkes fêst en los te meitsjen, ritsen ticht te dwaan, te fiterjen en mear fan soksoarte fan “dinkjes”, kinst dyn lytse motoryk oefenje en ferbetterje.’ Mar it binne net allinne gruttere bern, dy’t sels ferwurdzje kinne wêr’t se problemen mei ha, dy’t Geeske yn har praktyk sjocht. Ek beukers, pjutten en lytse poppen kriget Geeske ûnder hannen, meastentiids fia it konsultaasjeburo. ‘By jonge bern en babys sjoch ik ûnder oaren nei de motoaryske ûntwikkeling. By lytse poppen bygelyks giet it dan faak om gûlbabys, bern dy’t it krûpen oerslaan – de billeskowers – en popkes dy’t faak mei de holle deselde kant op lizze, de saneamde foarkarshâlding. Meastal doch ik dan in konsult oan hûs en praat ik de âlders by oer de ûntwikkeling fan har soan of dochter. Ik kin my dan ek in goed byld foarmje fan de omjouwing fan it bern en advizen op maat jaan. Alders fiele har better begrepen mei har soargen. Ik besykje de âlders altyd op in positive wize te stimulearjen om mei har bern oan ’e slach te gean. Want it moat foar in grut part fan heit en mem komme; sy stjoere sels yn it libben fan har bern.’ Geeske laket as sy tinkt oan de popkes dy’t se op it stuit behannelet. ‘Dat betsjut net dat ik gjin kontakt meitsje’, seit se. ‘Ik fyn it geweldich om mei bern om te gean. Mei de hannen en yntonaasje fan de stim – heech of leech – en mei it folume kin der al hiel wat stjoerd wurde yn it libben fan dy lytse wrâldwûnderkes.’

Bern en folwoeksenen kinne nei de fysio trochferwiisd wurde troch de (jeugd)arts, mar kinst ek sels kontakt opnimme, bygelyks op oanrieden fan de learkrêft, de trainer of omdat it dysels goed liket. Foar bern oant 18 jier wurdt in oantal fysioterapybehannelingen fergoede út it basispakket fan de soarchfersekering. Oer de kosten dêrfan hoechst as âlder dus net yn te sitten.

8

9


ALS (HELPEN) OPGROEIEN EEN UITDAGING IS

manier gefocust op zijn jongere zusje. Met name zijn moeder zit met haar handen in het haar. Milan zoekt constant grenzen op en daagt je uit. Dat doet hij zowel thuis als op school. Bovendien lukt het hem niet om taken af te krijgen. Het is thuis niet meer gezellig en op school gaat het ook niet goed. Het kan zo niet langer.

‘Het is thuis niet meer gezellig en op school gaat het ook niet goed.’ In het eerste gesprek met zijn ouders vertellen zij uitgebreid over Milan en wordt er meer duidelijk. We helpen Milan door zowel zijn ouders als school te ondersteunen bij zijn gedrag. We maken direct de afspraak dat onze pedagoog thuis meekijkt: wat gebeurt er en hoe wordt er gereageerd op het gedrag van Milan. Op school observeren we Milan

Thuis en school op elkaar afgestemd

Je kunt bij ons terecht voor: Onderzoek en behandeling van dyslexie

Milan, komen we in overleg met de psychiater tot de diagnose ADHD. We maken in afstemming met de ouders en school een gezamenlijk ontwikkelplan waarin het creëren van rust en structuur bieden de belangrijkste aandachtspunten zijn.

Kinder- en jeugd GGZ Vragen over opvoeding en ontwikkeling Ziek zijn en onderwijs

ouders aan de slag. We helpen ze het één op één contact met Milan weer terug te krijgen en laten ze vooral ook weten dat ze het als ouders gewoon goed doen. Op school zorgen we ervoor dat Milan

Paramedische zorg

de aanpak vanuit school op thuis aansluiten en andersom. Denk aan op een dag gaat doen. Thuis komen dezelfde pictogrammen terug in plannen we ondertussen ook een traject bij de fysiotherapeut van ons paramedisch team.

> Persoonlijk contact > Zorg voor het kind en zijn omgeving > Wij behandelen in Friesland, Groningen en Drenthe

veel beter met het gedrag van Milan en hij ontwikkelt zich weer.

Een kind aanmelden voor begeleider. Het is mooi om te zien hoe we er met onze werkwijze voor zorgen dat iedereen in zijn eigen kracht gezet wordt. Met het kind als middelpunt in zijn eigen omgeving.

*

Neem contact met ons op via: zorg@cedin.nl 088 0200 300 www.cedinzorg.nl

Orthopedagoog-Generalist bij Cedin Zorg

Wij helpen je meteen! www.cedinzorg.nl

zorg@cedin.nl

088 0200 300

* aanmelden kan door zowel ouders als professionals


Swier & Swiet Lytse pop In lytse poppe regelet syn lichemstemperatuer troch waarmte ôf te jaan fia it holtsje. It berntsje kin dêrtroch ek tefolle lichemswaarmte ferlieze, dêrom is it ferstannich om lytse poppen altyd in mûtske op te setten. Te bestellen fia websjop.afuk.frl, € 5,95

Foar op de bernekeamer Heit&mem hat moaie berneposters te keap mei Fryske teksten, ferskes en gedichtsjes. De posters op A4formaat binne te bestellen foar € 2,50. Besjoch se allegear fia websjop.afuk.frl/fryske-posters.

Wisto dat…

De Kraambank Als je zelf geen babyuitzet kunt betalen, dan kun je terecht bij de Kraambank van Isis Kraamzorg. De Kraambank heeft vestigingen in Heerenveen en Groningen. Heb je babyspullen over en wil je graag aan de Kraambank doneren? Alle babyspullen (m.u.v. speelgoed en knuffels) die schoon en heel zijn, zijn van harte welkom! Bijvoorbeeld: zwangerschapskleding, kinderwagens, autostoeltjes, boxen, boxkleden, bedjes, badjes, luiers, lakentjes enzovoort. Babykleding wordt ingezameld t/m maat 68. Kijk voor meer informatie op www.isiskraamzorg.nl/kraambank/

10

11

It gemiddelde gewicht fan in twadde berntsje faak wat heger is as fan it earste bern? Kinst derfan útgean dat de twadde poppe gemiddeld 200 gram swierder is. Fansels binne der altyd útsûnderingen.

Lytse fliber Dizze bandana’s steane net allinnich hiel leuk, se binne ek nochris hiel praktysk by trochkommende toskjes en smoarge toeten. De slab is mei twa drukknoopkes yn trije stannen te ferstellen. Geskikt fan de berte ôf oant sa’n 2 jier. Te bestellen fia websjop.afuk.frl, € 6,95


Skriuwer: Nynke van der Zee

Wat bisto moai ast lilk bist In gûlend bern dat op ’e grûn yn ’e supermerk foar it rek mei snobbersguod leit te spinfuotsjen fan lilkens. Dat wolle je as heit of mem leafst net meimeitsje. Dochs is lilk wêzen hiel goed. ‘It is in oerynstinkt dat wy absolút net tsjinhâlde moatte’, fynt bernecoach Tea Adema. ‘Echt goed lilk wêze is eins hiel moai.’

Stampfuotsje, skelle, skoppe of slaan; it binne allegear uteringen fan lilk wêzen. ‘Net elk bern is op deselde wize lilk’, wit Tea Adema. ‘Hoe’tst lilk bist hat te krijen mei hoe’tst dat fan dyn heit of mem leard hast. Hjoed-dedei is lilk wêzen in taboe wurden; it past net yn ús perfekte plaatsje. Wylst lilk wêze just sa wichtich is. Dêrmei jout in bern in grins oan. Oant hjir en net fierder. Mar omdat bern tsjintwurdich net mear lilk wêze meie, sjochst dat der problemen ûntsteane.’ It grutste probleem Driftbuien, jengelje en seure; problemen mei it uterjen fan lilk wêzen steane boppeoan it listje fan fragen wêrmei’t heiten en memmen by Tea oanklopje. ‘Wat ik faak sjoch is dat heiten en memmen sels ek net leard hawwe wat se mei harren lilke gefoelens


oanmoatte. En dus kinne se it harren bern ek net leare. Dan krijst problemen. Bern kropje it lilke gefoel op, oant it der útkomt as by in fulkaan dy’t útbarst’, fertelt Tea. ‘Mar sjochst ek dat bern lilkens ynsette as in soarte fan sjantaazjemiddel, troch te roppen en te razen, te skoppen of te slaan.’ Dêrom jout Tea heiten en memmen as belangrykste tip mei om lilkens ta te litten by in bern. ‘Se hoege fansels gjin dingen kapot te meitsjen, mar in kear echt goed lilk wêze moat sa no en dan kinne. Lilk wêze is in oergefoel; in hiel krêftige emoasje’, leit Tea út. ‘As wy hiel lilk wurde, kinne wy net mear neitinke en skeakelje wy oer op ús emosjonele brein, it saneamde “reptilebrein”. De keunst is om dy emoasje te uterjen sûnder datsto dingen dochst dêr’tst letter spyt fan krijst.’ Slaan en skoppe Jonge bern uterje harren lilkens noch mei harren liif: troch te slaan, te skoppen of te skellen. ‘Lear dyn bern wurden wêrmei’t se uterje kinne dat se lilk binne’, jout Tea as advys. ‘It giet der úteinlik om dat se leare hoe’t se omgean moatte mei frustraasjes. Ast dat as bern al goed kinst, hast dêr dyn hiele libben profyt fan.’ Want lilk wêze is net allinnich in faak foarkommend probleem by bern; ek by folwoeksenen sjocht Tea dat der hieltyd

Wat bart der eins asto lilk bist? Lilk wêze is in oerynstinkt. Dat betsjut dat dyn lichem automatysk de kontrôle oernimt. Dyn bloeddruk en dyn hertslach geane omheech en tagelyk makket dyn lichem adrenaline oan. Dat is in hormoan dat dy in enerzjyboost jout. Sa bisto klear om yn ’e oanfal te gean, as dat nedich is.

12

13

mear minsken binne dy’t it dreech fine om harren lilkens te uterjen. ‘Se krije dan de tip om op boksen te gean en ris goed tsjin sa’n boksbal te stompen. Mar dat lost it probleem net op’, seit se mei klam. ‘Dat helpt dy wol om tichter by dat lilke gefoel te kommen, mar dêrnei moatst der noch mei oan ’e slach om it in plakje te jaan. Slaan en skoppe is nea de oplossing.’ De oplossing Efkes werom nei it lilke bern op ’e grûn foar it rek mei snobbersguod yn de supermerk. Wat dochst dêr as heit of mem no oan? ‘Yn elk gefal noait tajaan’, warskôget Tea. ‘Gean foar it snobbersguod stean en beneam datsto it sels ek skande fynst dat jim gjin suertsjes keapje kinne. Jou earlik ta dat sa’n salmiakknots dy ek wol lekker taliket. Mar fertel ek dat dat no ienris net kin, omdat jim aanst ite sille. Wês dúdlik en nim de lieding. Nim it bern by de hân en kuierje tegearre nei de kassa. Sa joust dyn bern de romte om lilk te wêzen, mar litst tagelyk sjen dat lilk wêze gjin oplossing is.’

Tips om mei lilkens om te gean Jou dyn bern de romte om lilk te wêzen. Lear dyn bern wurden om dat lilke gefoel te omskriuwen. Beneam datsto as heit of mem snapst dat dyn bern lilk is. Jou net ta oan de wil fan dyn bern as er lilk wurdt. Wês dúdlik en nim de lieding. Beleanje dyn bern as er nei in lilke bui wer rêstich is.

Oer snobbersguod sprutsen: Tea hat noch ien wichtige tip. ‘Jou dyn bern sa krekt foar iterstiid in sûn ‘tussendoortje’. Om dy tiid krije se honger, mar it iten stiet noch net op tafel. Harren enerzjypeil sakket, wêrtroch’t se hingerich en eamelich wurde. Efkes in appeltsje of in pakje rezyntsjes docht wûnders.’

Tips fan Tea Tea Adema skriuwt ek blogs oer hoe’tst as heit en mem mei lilke bern omgean kinst. Benijd nei har tips? Sjoch op www.teaadema.nl.


SIMMER! Waterschoentjes Waterschoentjes zijn tegenwoordig weer helemaal in. Deze schoentjes van het merk IGOR hebben een uitneembaar binnenzooltje. Ze zijn er in 6 vrolijke kleurtjes in de maten 20 t/m 28. Hip én handig, want je kunt er zo het water mee inlopen! € 24,95 www.bodybasics4kidz.com

Een opvouwbaar emmertje

Poster Flip Flap Flinterke Heit&mem hat moaie berneposters te keap mei Fryske teksten, ferskes en gedichten. De posters, op A4-formaat, binne foar € 2,50 te bestellen. Besjoch se allegear fia websjop.afuk.frl

Nijntje oan see Wisten jimme dat in protte Nijntjeboekjes der ek yn it Frysk binne? Sa ek ‘Nijntje oan see’. Ik gean nei ’t strân ta, seit heit pluis op in waarme dei nei de dunen en de see nijntje, wolst ek mei? Dick Bruna Te krijen yn de boekhannel foar € 6,95

De Scrunch-bucket is een opvouwbaar emmertje, gemaakt van siliconen. Hoe handig is dat! Ideaal om mee te nemen naar het strand of op vakantie in de koffer, want hij neemt veel minder ruimte in beslag dan een hard plastic emmertje. Ook leuk om bijvoorbeeld stiften in te bewaren. Het emmertje kost € 14,95 en het bijhorende schepje € 4,95 In verschillende kleuren verkrijgbaar bij Vier Seizoenen in Leeuwarden of via www.vierseizoenen.nl

Een ijsje op je hoedje Schattig zonnehoedje met ijsjes van het merk Lässig. De brede rand van het zonnehoedje biedt extra goede bescherming voor zowel de oogjes als de nek. Het zonnehoedje is ook bijzonder geschikt om in het water te dragen. Het houdt het hoofdje koel en als het hoedje nat wordt, droogt het snel. Dit vrolijke printje is ook op een wasbare zwemluier en UV-shirt te krijgen! Te bestellen voor € 15,95 via www.stoerekindjes.nl

Tomke strânbal Lekker boartsje mei de Tomke-strânbal fan ’t simmer! Diameter is 26 sm. Foar mar € 2,95 te krijen yn de Afûkwinkel of te bestellen fia websjop.afuk.frl


10 jier “Myn sus Hinke Janna hat deryn stien doe’t se swanger wie en ik haw der ek yn stien doe’t ik swanger wie. Dat fyn ik wol bysûnder.” Froukje Berber Oliver

“De columns van de kinderarts vind ik altijd prachtig om te lezen. De gedichtjes knip ik standaard uit en die lamineer ik dan. Ik hoop dat jullie nog heel wat jaartjes mogen doorgaan!” Marijke van der Meer

“Us dochters nimme ’m wol mei fan skoalle. Of ik nim ’m mei by it konsultaasjeburo. Us geboartekaartsje fan ús Willem hat yn ’e heit&mem stien. Dat fine we sa leuk.” Jetze Antsje Koster

“Ik fyn it in goeie saak dat heit&mem der is. Sa kriget elk dochs noch wat Frysk ûnder eagen. En dêrneist is it blêd fansels ek hartstikke leuk om te lêzen!” Minke

“Ik mei as skoalmaster graach op ’e hichte bliuwe fan de nijste Fryske boeken. Mar der steane in protte moaie artikels yn. Lykas it artikel oer ‘heechsensitive bern’ en ‘In jonkje yn in jurkje’. Dy artikels binne my altyd bybleaun.” Sytze

14

15

“It artikel oer beppe Leentje en lytse Leentje! Superleuk fansels dat myn mem en ús famke deryn stean mochten. Wurd dêr faak oan herinnere. Wy helje se altyd by skoalle wei, krekt foardat ús jonkje útkomt altyd efkes de lêste side lêze, wa oft no deryn stean.” Jitske Huizenga-Zwaagstra

gratis & fergees

NR.1 2017

smaaklessen trouwe mei bern te veel speelgoed geen hartslag meer winkelje sûnder jild om hannen MEI FOA RLÊSFERH A LEN, DE NI JS TE BERNEBOEKEN , KRE A MK A DOOT S JES EN NOCH FOLLE ME A R...

“Gefeliciteerd, wat leuk dat jullie al 10 jaar bestaan. Ik lees het blad nu niet meer zo vaak, maar toen onze dochter kleiner was wel. Ik zie de heit&mem nog wel eens liggen in de bieb of op school. Onze dochter Jytte heeft er nog een keer in gestaan met "de poppe fan 'e moanne". Ondertussen is ze 9, tijd gaat snel! Ik hoop dat jullie nog lang doorgaan met jullie bijzondere blad!” Alida van der Molen

NR. 02 - 2014

GRATIS EN FERGEES mei nim my

Beurs Gezin

Gogodil?!

Mem He it & by! is d er

Als de taalontwikkeling achter blijft.

De 10 moaiste Fryske berneboeken!

16-09-14 12:56

AFUK_HEITENMEM_2014_#3_N_27.indd 1

gratis & fergees

NR.1 2016

“Ik sykje altyd as earste om de bernepraatsjes!” Klaas Zijlstra

Mem en ferslaafd Styfmem wêze Ouders als spiegelbeeld Groeipine Dwanghandelingen MEI GR A PPIGE BERNEPR A AT S JES, DE NI JS TE BERNEBOEKE N, A PP S EN NOCH FOLLE ME A R!

gratis & fergees

AFUK_HEITENMEM_2016_#1_DEF.indd

“Ha deryn stien, en sels foar de webside in skoftke kollums skreaun! Hartstikke leuk!” Hester Witbraad

“Us bern binne al grut, mar ik lês it blêd noch altyd mei in protte wille. Lokwinske mei jim 10-jierrich bestean!” F. de Boer

1 31-03-16 10:09

NR.2 2015

Voorlezen Handige mediawiisheid-tips! Bûtenboartsje beïnvloedt kleuterbrein Meartalich grutbringe A PP S EN NOCH FOLLE ME A R! MEI GR A PPIGE BERNEPR A AT S JES, DE NI JS TE BERNEBOEKEN,

AFUK_HEITENMEM_2015_#3_29.indd 1

25-09-15 16:30


Us hobby!

Aen Age (38) en Bjorn (7) út Akkrum binne beide gek op follybal. Heit Aen Age spilet yn it earste manljusteam fan AVC ’69 yn Akkrum en soan Bjorn sit dêr sûnt 1,5 jier by de minys. ‘Follybal is in leuk en spannend spultsje. Dochst it mei in team, dat is gesellich. Mar it is yn it begjin net maklik’, leit Bjorn út. ‘De bal moat oer it net, en dan ek noch binnen de lijnen.’ Beide traine se ien kear yn ’e wike, en as Bjorn in wedstriid spylje moat, coacht heit Aen Age it team. In skoftke lyn hawwe se tegearre nei in wedstriid yn de earedifyzje west. Bjorn fûn it machtich moai mei heit op ’e tribune. De keihurde ballen fan de topsporters en de lûde en gekke muzyk by elk punt hawwe wol yndruk makke. Bjorn syn team hat ek in yell. As de wedstriid begjint, roppe se hiel hurd: ‘Colasinas7up, wij zijn de beste volleybalclub!’ Aen Age en syn team roppe gewoan ‘Hosssaaa!’ Mar wol hiel lûd, want dêr wurdt de tsjinpartij senuwachtich fan, sa’t skynt.


Skriuwer: Hieke Rienstra Foto: Hippe Kiek Fotografie

Baukje (​40) en Mathilde (8) út Jirnsum hâlde beide fan ponny- en hynsteriden. Mathilde hat krekt har earste ponny krigen. ‘Eins stie dat noch net op ’e planning’, fertelt mem Baukje. ‘Mar myn sus kaam de ponny dy’t se oait kocht hie foar har dochters wer tsjin. Dy ponny wie stellen troch in hanneler en waard no nei in oantal omwegen wer te keap oanbean. It wie sa’n leuke, leave ponny dat wy no eins net oars koene as “Micky Blue Eyes” wer werom yn de famylje te heljen.’ Mathilde har ponny stiet no op in buorkerij yn ’e buert. ‘It hynder dêr’t ik op ryd stiet dêr flakby, dat wy kinne no gesellich tegearre ride. Mathilde har styfsus Amarins is ek gek op hynders en helpt Mathilde super. Mathilde is de jongste fan myn trije bern en de iennige fan de trije dy’t myn leafde foar hynders dielt. Ik werken safolle fan mysels yn har op dy leeftiid, prachtich om te sjen! It iennige neidiel fan hynsteriden is dat it nochal in tiidslinende hobby is. Mathilde wol fansels sa faak mooglik ride, poetse, fersoargje en knuffelje, hielendal no’t se har eigen ponny hat. It treft dat we it beide sa leuk fine!’

16

17


&

In knyn, minemyn, minemyn, minemyn, minemyn. Hat twa hiele lange earen en in tige kreaze sturt en ik soe sa hiel graach wolle dat ik fleane koe sa hurd!

Hindrik van der Meer

ADVertentie


BERNEPRAATSJES

Sophie (4) har mem hat in diploma helle. As Sophie it diploma besjocht, wiist se nei de hantekening en seit: ‘Hee mem! Der hat ien op omkrast!’

Hat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei ynfo@heitenmem.nl.

Lotte (4) en har neefke Hidde (4) hawwe ûndogensk west by pake en beppe. Se ha tegearre in pak koekjes iepenmakke en opiten. As ik freegje oan Lotte oft it leuk wie by pake en beppe, seit se: ‘Ja! Hidde en ik ha “mensenkwaad” úthelle!’

Sjoerd (2,5) sjocht hynders mei in tekken om yn it lân út foerbakken iten: ‘Dy ha in slabbe om!’

Finne (6) freget op ’e camping: Op in dei seit Rinze (4) tsjin

‘Mem, hoe let begjint it

syn mem, dy’t dan koster is

rekremaasjeteam?’

fan de tsjerke fan Mildaam: ‘Mem? God is de baas fan de tsjerke, mar wy hawwe de sleutels!’ (en sjocht dêr

Mem freget Sjouke-Geert (2,5), as

ferskriklik ûndogensk by …)

se in dei op It Amelân binne, oft er de sinnebril ek op ha wol. ‘Nee hear mem,’ antwurdet er, ‘ik ha gjin kâlde eachjes.’

Mem lûkt Fenna in maillot Thyme (7) fytst mei heit troch Burgum, as Thyme in lekke bân krijt. ‘Dat komt troch de haaietosken, heit!’ ropt Thyme.

18

19

oan. Har broer Sjoerd (2) sjocht dat en seit: ‘Dat is in sokkebroek!’


Marije Steen (31) is 34 wiken yn ferwachting fan har earste berntsje en hat diabetes type I.


‘It wurdt no wol wat swierder allegear. Us famke leit mei har holtsje omheech, dêrtroch sit myn búk my hieltyd mear yn ’e wei. Ik wurd nachts faak wekker, sliep ek net sa goed mear. Dat komt om’t ik sûkersykte ha en it alarm op de CGM (continu glucosemeter) regelmjittich ôfgiet nachts. Ik ha dan in hiele lege of hege sûkerwearde en moat der dan earst foar soargje dat de sûkers wer omheech of just omleech gean. Sûnt ik yn ferwachting bin, spuitsje ik wol trije kear safolle ynsuline as dêrfoar. Sa’n swangerskip docht fansels fan alles mei in lichem; de baby en de hormoanen yn myn liif soargje derfoar dat myn sûkerspegel hielendal yn ’e war is. Yn ferwachting reitsje wie ek net fanselssprekkend, myn gemiddelde sûkerwearde moast earst in skoft stabyl wêze foardat wy grien ljocht krigen. Ik hâld derfan om de toutsjes yn hannen te hawwen en ha my hielendal ferdjippe yn myn sykte. Dêrtroch kin ik it reedlik goed ûnder kontrôle hâlde. Ik ha in strak ytskema en besykje sûnt ik fan myn sûkersykte wit al safolle mooglik koalhydraatearm te iten.

Ik ha bêst wol in drege baan by de oerheid en fernaam al gau dat ik dêr earder mei ophâlde moast. It ûnbesoarge swier wêzen mis ik troch myn sûkersykte wol wat, mar gelokkich bin ik yn goede hannen. Ik krij in soad ekstra kontrôles, alle echo’s dy’t ik hân ha plak ik yn in deiboekje dat no al aardich fol is! Ik wurd mei 38 wiken ynlieden en sil dêrfoar al besykje te kolven. Ik wol ús famke in sa goed mooglike start meijaan, om’t it bêst sa wêze kin dat sy it wat dreger hat nei de befalling. Myn partner Onno is ús hús oan it ferbouwen en hy is hast klear mei de boppeferdjipping. Alle babyspullen steane no noch opslein by ús heit en mem en ús beppe. Ik kin net wachtsje om it keammerke moai yn te rjochtsjen, ik tink dat it besef pas echt komt as ik sjen kin wêr’t se komt te sliepen. Ik kin it my no noch hast net foarstelle, sa’n lyts wyfke yn ’e hûs. Mar se is sa wolkom as it mar kin! Wolsto witte hoe’t it nei de befalling mei Marije giet en hoe’t de poppe derút sjocht? Lês it ferfolch op www.heitenmem.nl.

Bisto yn ferwachting en wolst ek meidwaan oan dizze rubryk? Mail in foto fan dysels mei in koart ferhaaltsje derby nei ynfo@heitenmem.nl

20

21

Skriuwer: Hieke Rienstra Foto: Hippe Kiek Fotografie

‘Gelokkich bin ik yn goede hannen’


Sa prate wy thús Skriuwer: Ciska Noordmans Foto: Hippe Kiek Fotografie

Tineke is troud mei Jaime. Tegearre hawwe sy twa dochters, Famke (4) en Mailén (2). De bern drage allebeide twa achternammen: de Sileenske achternamme Millañir fan Jaime én de Nederlânske achternamme Nicolai fan Tineke. Doe’t Tineke it yn har stúdzje genêskunde net rjocht fine koe, besleat sy foar njoggen moanne har koffer te pakken nei Sily. Tineke: ‘Ik gong dêrhinne foar training en sindingswurk. Ik wurke mei yn it bernetehûs en de tsjerke, en it foldie my sa goed dat ik dêr acht jier bleaun bin. It Spaansk makke ik my eigen en nei in skoftke kaam ik Jaime tsjin. En noch in skoft letter binne wy troud, yn Sily. Dochs wenje wy no wer yn Dokkum mei de bern.

‘Te amo’ is itselde as ‘I love you’, mem! Yn 2016, doe’t Famke twa wie en Mailén noch berne wurde moast, hawwe wy de oerstek wer makke, foaral mei it each op ’e takomst; it ûnderwiis, de sûnenssoarch en de kânsen foar de famkes binne hjir better.’ Dat betsjutte foar Jaime dat er yn in twatalige omjouwing telâne kaam. Tegearre mei Tineke praat er Spaansk, en mei syn dochters ek. Mailén husselet de talen no noch in bytsje trochinoar, mar hat wol troch dat der meardere wurden foar itselde binne. Mei de Spaansktalige abuelo en abuela (pake en beppe) wurdt yn it Spaansk skypet en fideobelle. Dochter Famke kin har Sileenske pake en beppe yn it Spaansk fertelle wat sy dien hat. Tineke: ‘Wy fine it belangryk dat sy de taal mar ek it gefoel meikrije, de Sileenske kultuer moat njonken de Fryske ek troch harren bloed streame. Famke hat it al hiel goed troch dat sy meartalich is en dat der ek noch oare talen binne as it Spaansk, Nederlânsk en Frysk. “Te amo” is itselde as “I love you”, mem! sei se lêsten. As ik mei de famkes bin, praat ik Frysk. Dat is myn taal. De taal dy’t my sa eigen is. Doe’t wy mei Famke yn Sily wennen, ha ik besocht Nederlânsk mei har te praten. Dat wie in rasjoneel beslút. Hiel handich, tocht ik, as sy skielk by har pake en beppe yn Nederlân komt. Mar dat wurke net foar my; it “moast” Frysk wêze. Ik bin Frysk. Mar as wy mei syn fjouweren binne, praat ik Nederlânsk, sadat Jaime de taal tagelyk ek meikriget. It liket allegearre hiel yngewikkeld as ik it fertel, mar dat falt o sa ta. Yn de praktyk giet it floeiend en natuerlik.’


Yn 1926 skreau A.A. Milne in berneboek dat wrâldferneamd waard. Yn it ferhaal spile syn eigen soan in grutte rol. It jonkje hjitte fan Christopher Robin, en it boek dêr’t ik it oer haw is fansels ‘Winniethe-Pooh’. De famylje Milne ferhuze nei it plattelân om’t heit dêr yn alle rêst in boek skriuwe woe. Mar… hy hie gjin ynspiraasje. Op it momint dat er de moed hast opjaan soe, krige er ynienen each foar syn soan. Want wat wie dat jonkje drok dwaande mei syn knuffels, en wat die er mei al dy knuffelbisten yn de bosk? Milne begûn ferhaaltsjes te betinken oer it jonkje en syn knuffelbisten en fleure hielendal op. Christopher op syn beurt wie bliid dat syn heit (einlings) oandacht foar him hie. Hy wist net dat syn heit de ferhaaltsjes ek opskreau en sammele, om dêr úteinlik in boek fan te meitsjen. It boek ferskynde, waard in bestseller en Milne waard in superstjer. Syn soan Christopher Robin trouwens ek. Letter hat Milne sein dat er mei ‘Winnie-the-Pooh’ de gelokkichste tiid fan syn libben fêstlizze woe: it opgroeien fan syn soan. Christopher Robin seach dat oars, it mantsje waard deaûngelokkich fan alle oandacht. Hy fûn it spitich dat syn heit it ferhaal fan Pooh opskreaun hie, want … it wie dochs fan him en syn heit? Net fan de hiele wrâld? It ferhaal fan Christopher Robin en syn heit hâldt my al in skoftke dwaande. Ik bin gjin Milne, mar ik bin wol in heit dy’t skriuwt. Ferhalen en gedichten, en de ôfrûne fjouwer jier, sûnt de berte fan myn soan, skriuw ik ek oer him. Yn dizze kollums haw ik besocht fêst te lizzen wat myn soan allegear útspûke en wat it heit-wêzen foar my betsjut. It wie in moaie stôk achter de doar om alle lytse dinkjes, alle feroaringen fan myn soan en fan mysels by te hâlden (sjoch ek myn wrakseling mei foto-albums en deiboeken yn myn eardere kollums). Alles byhâlde wolle, bewarje wolle yn wurden en bylden, om foaral neat te ferjitten, dat is … lit ús mar earlik wêze: ûnmooglik. Net alles hoecht registreard te wurden. Boppedat binne de dingen dy’t myn soan meimakket syn aventoeren, syn ferhalen. Hy hat in eigen libben en dêr hoech ik net hieltyd as in reporter à la Kuifje achteroan te draven. Dêrom, bêste lêzer, is dit – foar no alteast – myn lêste kollum foar heit&mem. Ik haw dizze stikjes mei in soad wille skreaun en ik bin bliid dat ik skielk weromlêze kin hoe’t de earste fjouwer jier mei myn soan wienen. Alle goeds!

22

23

Foto: Hippe Kiek Fotografie

OER HEITEN DY’T SKRIUWE

Paul van Dijk is skriuwer, yllustrator en makket graach muzyk. Hy hat in oantal Fryske berneboeken skreaun en is heit fan soan Hidde. www.paulvandijk.frl Paul syn nijste boek is de dichtbondel 'famke fan snie'.


Hindrik van der Meer Skriuwer: Ciska Noordmans Foto: Hoge Noorden

de hertslach fan it liet Sjonge jim pjutten ek de ferskes ‘Bijke, bijke, bijke’ en ‘Kees Kikkert’? Guon bernelieten gean al generaasjes lang mei. In protte fan dy berneferskes binne skreaun en komponearre troch Hindrik van der Meer. Hy hat hert foar muzyk én foar taal.


It petear mei Van der Meer begjint oan de keukentafel, dêr’t syn frou Beitske ek oan ’t wurk is. ‘Doe’t wy noch tegearre wiene, ha wy yn Papoea west. Ik wie dêr in jier lang ûnderwizer. De heiten fan de bern, meast fiskers, songen as sy op see wiene. Ienris, yn de nacht, hearde ik lieten. Sa bysûnder; it rekke my djip. Oer it wetter kamen har lieten, oerklanken foar my, sêftsjes ús hûs op peallen binnen slierkjen. Sy sochten nei ferbining mei de geasten boppe.’ Hindrik van der Meer is 80 jier wurden en sjocht werom op in hiele protte aktiviteiten dy’t mei muzyk, taal én it hert te krijen hawwe. ‘“Kees Kikkert” wie it earste ferske dat ik makke’, fertelt Van der Meer. ‘Goed fjirtich jier lyn wie ik ris as muzykdosint fan ’e Pabo yn Hidaard om by Freark Smink yn ’e klasse te sjen, en dy harke doe mei de bern nei in skoalradioprogramma fan Omrop Fryslân. Ik hearde in ferske en op Freark syn fraach wat ik dêrfan fûn, sei ik dat ik net ûnder de yndruk wie. De oare deis stiene twa minsken fan de Skoalradio by my op ’e stoepe. Wy kamen oerien dat ik ferskes meitsje soe foar harren programma. It earste ferske wie “Kees Kikkert”. En eins spegelet Kees Kikkert noch altyd myn fyzje op it sjongen; elkenien hat in eigen lûd, in eigen stim. Sa’n stim moatte je oefenje, mar it eigene fan de stim moat net ferlern gean. Lykas it eigene fan elk mins bewarre bleaun wurde moat.’

‘“Kees Kikkert” wie it earste ferske dat ik makke.’ It giet der úteinlik om dat in talint ûntwikkele wurdt, neffens Van der Meer. ‘Elkenien hoecht net in talint foar muzyk te hawwen. Mar it giet derom dat elk syn talint en syn bestimming fynt. Ik ha my der ek oer ferwûndere dat ik ferskes meitsje koe. Ik bin begûn as dosint Frânsk. Doe’t ik as learling op

24

25

de Kweekskoalle siet, is my nea sein dat ik in talint foar taal en muzyk hie. Ik bin bliid dat dat op myn paad kaam. Elke dei fytste ik fan ús hûs yn Goaiïngea nei de PA yn Snits, dêr’t ik doe as learaar muzyk oan ferbûn wie. En yn dy kadâns fan it rûndraaien fan de trapers binne in soad ferskes ûntstien.’

It doel wie de ferskes op te nimmen mei de Pabostudinten, mar doe’t der yn de fakânsjetiid gjin studinten wiene, binne wy der mar mei de húshâlding hinne tein. De minsken fan de Omrop en Skoalradio seagen doe dat as ferskes ynsongen wurde troch bern, de werkenning folle grutter is as wannear’t folwoeksenen se ynsjonge.

Efter de pleats fan omke Geart, sit in grouwe baarch yn ’e sleat. Gr gr gr, seit de bargesnút. Gr gr gr, hoe kom ik hjir út?

Nei Kees Kikkert folgen der folle mear, mear as hûndert lieten binne sa ûntstien. It wie yn in tiid dat der noch net in soad Fryske berneferskes wiene. Van der Meer brûkte ek wol teksten fan Diet Huber en Jant VisserBakker. Huber, ûnder oaren bekend fan “Tutte mei de linten”, en Visser-Bakker, de auteur fan bygelyks “Pyfke lokomotyfke”, ynspirearren Van der Meer ta it skriuwen fan berneferskes foar elkenien. ‘Ik ha de ferskes net allinne foar bern makke, want ik fyn ek dat se de heiten en memmen oansprekke moatte. Ferskes moatte net te bernich wêze’, seit hy. ‘Yn bygelyks it ferske “Efter de pleats fan omke Geart” jouwe de bisten kommentaar op de baarch yn de sleat, lykas folwoeksenen dat dogge op bern. “Hoe komst dêryn”, seit de knyn ferwitend. “Dit is my wat”, seit de kat, en “Hoe hast dat no!” seit de ko. Dat binne lûden dy’t de bern ek wol hearre as se yn ’e sleat sitten ha of de beker mei poeiermolke omsmiten ha.’ Of it ferske Kikkerts út ’e kikkertsleat, dat no hiel aktueel is, mar doe eins syn tiid fier foarút wie:

‘Taal en muzyk is in goed houlik,’ neffens Van der Meer, ‘want op muzyk draacht taal fierder. En foar it sjongen fan fersen hast minsken nedich. It belangrykste is dat minsken wille belibje oan muzyk.’ Van der Meer hat in soad dien mei taal en muzyk. Hy skreau fjouwer musicals en makke teksten en muzyk foar it Berne-iepenloftspul, hy wie de oprjochter fan kroechkoar Auke Roukes, en ek fan it Kwartettekoar, dêr’t it sjongen fan moderne tsjerkelieten sintraal stiet. Yn jannewaris is de bondel Hertslach útkommen, in sjongbondel mei Fryske religieuze lieten, op inisjatyf fan it Kwartettekoar. Yn dy bondel steane benammen lieten fan Hindrik van der Meer en Eppie Dam. Van der Meer is ek ien fan de driuwende krêften achter de tsjinsten fan Nijkleaster. ‘Ik fiel my thús by de útgongspunten fan Nijkleaster: stilte, besinning en ferbining.’ En dêrmei is de sirkel rûn.


Bevallen met een doula


Skriuwer: Marieke Vinkers Foto's: Hippe Kiek fotografie

Zelf zag ze best wel tegen haar eerste bevalling op. Mensen om haar heen susten haar destijds een beetje: ‘Dat kun je wel Olga, geen zorgen, komt goed.’ Maar de bevalling overviel haar en ze wist niet wat er met haar lichaam gebeurde. Daardoor kwam Olga in de vechtstand. ‘Ik werkte mijn lichaam tegen. Ik had veel meer op mijn lichaam mogen vertrouwen, dat weet namelijk precies wat het moet doen tijdens een bevalling.’ Twaalf jaar later en drie jongens verder is Olga ter Hart doula (spreek uit als: ‘doela’) en begeleidt zij vrouwen en partners voor, tijdens en na de bevalling.

26

27


‘De geboorte van je kind is een life event, net als je bruiloft of een verhuizing. Daar besteed je ook veel tijd en aandacht aan’, vertelt Olga. ‘Je goed voorbereiden op de geboorte van je kindje verhoogt de kans op een positieve ervaring. Eén van de mooiste complimenten die ik als doula kan krijgen, is dat ik door dezelfde mensen bij een volgende bevalling opnieuw word gevraagd. Of dat een vrouw zegt: “Ik zie niet meer tegen de bevalling op, maar ik heb er gewoon zin in gekregen!” Weten welke keuzes je hebt, opschrijven hoe je het voor je ziet in een geboorteplan en iemand naast je hebben die jou en je partner onvoorwaardelijk bijstaat in alles, dat brengt rust.’ Minder stress Een andere belangrijke reden om een doula in de arm te nemen kan zijn dat de vrouw daardoor minder stress ervaart tijdens de bevalling. Gynaecoloog Claire Stramrood van het Amsterdams Medisch Centrum voerde voor het UMC Groningen een onderzoek uit over posttraumatische stressstoornis (PTSS) na de bevalling. Uit haar onderzoek blijkt dat één op de tien vrouwen een bevalling als traumatisch ervaart. Soms komt dat door medische complicaties, soms door het (ontbreken van) contact met de partner tijdens de bevalling, of door slechte communicatie tussen het geboorteteam en de barende vrouw. ‘Door tijdens de zwangerschap een doula in te schakelen, is veel stress rond de bevalling weg te nemen.’

Het begrip doula is nog niet zo heel erg bekend, zeker niet in Friesland, terwijl hier wel al een tiental doula’s aan het werk is. Olga ter Hart uit Akkrum, van oorsprong verpleegkundige, is één van hen. Ze spreekt graag uit naam van de hele groep. ‘Elke doula heeft een eigen werkwijze, maar allemaal hebben we hetzelfde voor ogen: we willen vrouwen ondersteunen tijdens hun zwangerschap en bevalling, zodat zij een zo

positief mogelijke ervaring hebben tijdens hun bevalling.’ Een doula wordt dan ook wel zwangerschaps- of geboortecoach genoemd. Het woord stamt uit het oud-Grieks en betekent ‘dienende vrouw’. Zij is iemand die aanvullend op de medische zorg - praktische en emotionele steun biedt bij de geboorte van een kind. Is dat eigenlijk nodig? En zo ja: waarom?

‘Vrouwen vinden het prettig om een vertrouwd gezicht in de ruimte te hebben als zij bevallen. Iemand met wie je alles uitvoerig besproken hebt, die weet wat je angsten, je grenzen en je wensen zijn en die je vertrouwt. Sommige vrouwen vragen ons omdat zij zo natuurlijk mogelijk willen bevallen. Ook wordt een doula regelmatig ingeschakeld door vrouwen die heel angstig zijn en moeite hebben om zich te ontspannen. Er zijn vrouwen van wie de partner er niet bij kan zijn en er zijn ook (bewust) alleenstaande moeders die het fijn vinden als er iemand bij ze is. Onderzoek toont aan dat continue ondersteuning door een doula positieve effecten heeft (Cochrane review van Hodnett, 2012):


31% minder gebruik van bijstimulatie en inleidingen 28% minder risico op een keizersnede 12% meer kans op een spontane vaginale bevalling 9% minder gebruik van pijnmedicatie 14% minder baby’s opgenomen op de neonatologische afdeling van het ziekenhuis 34% minder kans op een negatieve geboorte-ervaring

• • • •

‘What got the baby in, gets the baby out’ De geboortecoach vertelt thuis in alle rust wat de vrouw kan verwachten. Zij kan de vrouw (en ook de partner) leren ontspannen. Door vooraf te weten wat er kan gebeuren, is het voor zowel de vrouw als de partner tijdens de bevalling rustiger. ‘We zorgen ervoor dat alle externe omstandigheden goed

28

29

zijn en dat de vrouw leert te vertrouwen op zichzelf en op haar lichaam. Elke vrouw kan deze aandacht en ondersteuning gebruiken.’ Geboorteteam De doula is een aanvulling op het geboorteteam, waarin gynaecoloog, verloskundige en verpleegkundigen een rol spelen. Het grote verschil tussen een verloskundige en een doula is dat laatstgenoemde geen medische verantwoordelijkheid heeft. Ook is een doula continu aanwezig bij de bevalling, vanaf het moment dat iemand dat wenst. Ze is er alleen voor de vrouw en de partner. ‘We zijn er tijdens de bevalling om te herhalen wat we tijdens de zwangerschap al samen hebben geoefend. Net als de verloskundige weten wij veel van verschillende manieren om de pijn te verlichten, zoals massages, ademhalingsoefeningen en houdingen. We werken samen met verloskundigen, we nemen hun werk niet over. We zijn er puur voor de barende vrouw en haar partner.’

Knuffelhormoon nodig Een bevalling wordt geleid door het hormoon oxytocine, ook wel het knuffelhormoon genoemd. Dit hormoon komt het beste vrij als de vrouw zich op haar gemak voelt. Wat vaak wordt gezegd: ‘What got the baby in, gets the baby out!’ Olga: ‘Als je in een ruimte bent waar te veel en fel licht is of waar te veel mensen zijn, dan ben je minder snel op je gemak. Dim het licht, zet fijne muziek op, zorg voor een goede sfeer, neem een douche of een bad. Als ik mij er twaalf jaar geleden bewust van was geweest hoe adrenaline een bevalling letterlijk tegenwerkt, dan was ik daar anders mee omgegaan. Als ik toen wist hoe mijn lichaam werkte, was ik geloof ik veel rustiger geweest. Ik ben blij dat ik door mijn vak en ervaring die rust nu aan anderen kan geven.’

Meer weten over doula’s? Ga naar: www.doula.nl of www.nbvd.nl


ADVertentie Advertorial

Kidsproof Fryslân Elske en Wieke binne twa memmen én suskes dy’t tegearre de site Kidsproof Fryslân hawwe. Op kidsproof.nl fynst ynspiraasje en tips foar leuke útstapkes mei bern, bernfreonlike restaurants, orizjinele bernefeestjes, leuke klupkes, bernekleanwinkels en praktyske adreskes foar soarch en opfieding.

SPEELBOERDERIJ BOER BART Boer Bart heeft een TOFFE speelboerderij in Rotstergaast, voor iedereen die de landbouw wil beleven! Een fijne plek waar kinderen lekker kunnen spelen en heit, mem, pake en beppe ontsnappen aan de drukte van de dag. Op de boerderij sta je midden in het boerenleven en leer je over dieren, de natuur en de oorsprong van voedsel. Je mag spelen met de basiselementen van de natuur zoals zand, gras en water maar er zijn ook trampolines en traptrekkers. Een echte Kidsproof Fryslân TOP TIP! boerbart.nl/speelboerderij

SIMMERDEIS THEATER-EN MUZIEKFESTIVAL 2019 Wij kijken ontzettend uit naar dit toffe culturele evenement in Drachten en omstreken! Simmerdeis is namelijk hét theater- en muziekfestival van Fryslân. Kom het meemaken van donderdag 27 t/m zondag 30 juni.  Er zijn kindervoorstellingen, er is straattheater, muziekacts en heel veel is gratis toegankelijk. Het is een perfect gezinsuitje: genieten van goede muziek, verrassend theater en lekker eten. Op zondag 30 juni is het tijd voor Simmersnein. Dit is al sinds jaren dé familie-doe-dag van het festival. Het park is deze dag gevuld met lokale dansgroepen, muzikanten en theatrale activiteiten! Sa gesellich! simmerdeis.nl/programma/simmerkids

BRASSERIE OM DE DOBBEN Dit is z’on TOP-plek! Super Kidsproof en ook fijn voor heit en mem. Bij Om De Dobben in Bergum hebben ze heerlijk eten en mag je lekker op het terras zitten terwijl de kids in de speelweide spelen op de mooie houten speeltoestellen. Je hebt goed uitzicht op de speelweide, dus superrelaxed! Er zit een hekje om de speelweide dat maakt het veilig en overzichtelijk. Ook is er een klein dierenverblijf met geitjes en een pony. Fuotsjes omheech en genietsje mar! www.omdedobben.nl

KLIMMEN BIJ MOUNTAIN NETWORK Wat is dit leuk om te doen: klimmen! Voor kinderen ook zó goed voor hun kracht, doorzettingsvermogen én het plezier wat je eraan beleeft. In Heerenveen kun je klimmen bij de jeugdklimclub vanaf 3 jaar, als je elke week wilt klimmen. Maar met heit en mem ernaar toe kan ook, klimmen is voor iedereen. In de locatie in Leeuwarden heb je Clip ’n Climb, dit is ook voor de jongere kindjes vanaf 6 jaar ontzettend tof. Veiligheid staat altijd voorop en je wordt goed begeleid. Je kinderfeestje vieren mag hier ook, hoe cool is het om met je maatjes te klimmen? Klimmen met je kind is een echte aanrader wat ons betreft! mountain-network.nl/klimcentra


POEP

Tjalling de Vries (1959) is sinds 1991 algemeen kinderarts in het Medisch Centrum Leeuwarden. Hij is getrouwd en vader van drie kinderen: Fedde (1991), Marga (1995) en Anne (1998).

30

31

Fokke zit bleekjes op schoot bij zijn moeder. Hij heeft z’n duim verlegen in z’n mond. Als ik hem uitleg dat ik geen nare of pijnlijke dingen doe, ontspant hij zich. ‘Wat is er aan de hand?’ vraag ik. Fokke antwoordt niet, dat laat hij aan moeder over. Fokke heeft nu al een paar weken last van krampen en buikpijn. Als hij zit te spelen, kan het zomaar zijn dat hij gaat liggen en begint te huilen. Hij grijpt dan naar zijn buik. Ze zijn een paar keer bij de huisarts geweest en ook op de spoedeisende hulp, omdat ze dachten dat hij een blindedarmontsteking had. Dat was niet zo. Ze zeiden dat het wel over zou gaan, maar hij heeft er al bijna een maand last van. Hij gaat volgende maand naar de basisschool en dat kan zo niet. ‘Vervelend lijkt me dat’, zeg ik en ik vraag naar de poep. Fokkes ogen gaan wijd open. Over poep en plas praten is voor dokters heel gewoon, maar sommige kinderen vinden dat maar raar. Ik vraag: ‘Hoe is het met het poepen? Doet het zeer? Is het hard of is het juist heel dun, net als water? Ziet het er anders uit? Ruikt het anders?’ Er zijn veel vragen over te stellen. Als ik ‘poep’ zeg, lacht Fokke om zijn duim heen. Zijn moeder vertelt dat de poep dunner en wat gelig en vettig is. Het ruikt ook viezer. Ik onderzoek Fokke, en behalve dat hij bleek is, is alles normaal. ‘Het zou best kunnen dat hij een infectie heeft met een parasiet,’ zeg ik, ‘het lijkt me verstandig dat Fokke in een potje poept en dat we dat onderzoeken.’ Fokke moet lachen: ‘Ik kan toch niet in een potje poepen?’ ‘Misschien lukt dat wel. En anders kan je moeder de poep wel in een potje scheppen’, zeg ik. Fokke vindt het maar gek. Na een paar dagen krijg ik de uitslag: giardia. Dat is een parasiet die deze klachten kan veroorzaken. Met een kuur antibiotica is dat te verhelpen. Ik bel moeder, leg het uit, schrijf het recept en vraag of ze me over veertien dagen wil laten weten hoe het gaat. Als ze dan belt, vertelt ze dat het goed gaat, Fokke is weer de oude. Op de achtergrond hoor ik Fokke. ‘Wie heb je aan de telefoon?’ vraagt hij. ‘De poepdokter,’ antwoordt moeder, en naar mij: ‘zo heet u hier.’ Wolst hjir op reagearje? Sykje op 'Poep' op heitenmem.nl


Grutte gesinnen

Om it jier 1900 hinne krige in frou yn trochsneed 4,5 bern. Hjoedde-dei leit dat gemiddelde noch mar op 1,7 bern. Mar der binne útsûnderingen fansels. Hjirby in oantal húshâldingen yn Fryslân dy’t 5 bern of mear krigen. Famylje Zagema (gesin fan 8) Daniel en Ellie, Janco, Bartho, Lieneke, Janna, Ylse en Isa út Damwâld

Famylje Hoogland (gesin fan 8) Famylje Feenstra (gesin fan 9) Wiebe en Nynke, Ype-Jan Halbe, Mattheüs, Keimpe, Renske Elisabeth, Teunia-Akke, Willem, Lolke út Burdaard

Anne en Wiepkje, Willie, Karst, Anke, Minze, Marije en Wybrich út Aldemardum

Famylje DeWinkle (gesin fan 8) Rudi, Anne, Tys, Nieko, Finn, Femke, Annelies, Rykút Melba (Idaho)

Famylje Sijbesma (gesin fan 8) Laurens en Nathalie, Eddo, Babs, Donna, Steijn, Fleur en Cas út Snits

Famylje Wielenga (8) Gerard en Renny, Enzo, Luca, Senna, Maiko, Ievan, Norah út Dokkum

Famylje Oliveiro (gesin fan 8) Tabita, Celesta, Jeschurun, Eliantha*, Rodanthe, Gabriel, Menorah, Israel, Hadassah en Lavendel út Warkum


Famylje Dotinga (gesin fan 8)

Famylje Groos (gesin fan 14) Everen, Gooitske, Frans, Hiltje, Geeske, Nynke, Marije, Sipke, Pieter, Femke, Jelmer, Hester, Hinke en Jannie út De Pein

Famylje Steneker (gesin fan 8) Merel, Max, Mirthe, Mylan, Manouk, Bertus en Saskia út Menaam

Famylje Zwerver (gesin fan 6) Mama Marleen de Vries, Carmen, Jeffrey, Kirsten, Yorrick en Quinty út Frjentsjer

32

33

Gerrit en Hiltje, Rineke, Femke*, Tjitze, Maaike, Minke, Rijkel, Pytsje*, Iefke út Drylts

Famylje Van der Veen (gesin fan 9) Hans en Klazien, Tabe, Sjoke, Tjimkje, Willie, Sytske, Sytze en Johanna út Arum

Famylje Dykstra (gesin fan 8) Jan en Tineke, Annie, Jasperina, Jantina, RobbertJan, Esther en Christiaan

Famylje Ynema-Houtsma (gesin fan 7)

Famylje Bakker (gesin fan 7)

Hendrik, Wybrich, Theunis, Fonger, Pytrik, Renko en Joarryt út Easterein

Libbe, Elisabeth, Hayco, Lucas, Jordy, Kristian en Nieske út De Westereen


DOWEN DIKKE GRIZE DO, WAT DOCHSTO NO? NET SA SKRIKKE, MEIST WOL PIKKE. IK HA FOER FOAR DY. KRIGEST NOCH MEAR FAN MY, NOCH IN HÂN FOL, DO MEIST IT WOL. Ut: Broek mei bûsen 32 boartlike berneferskes, skreaun troch Ineke van der Heide, mei fleurige yllustraasjes fan Margreet de Jong

DER KOMME ALLEGEAR DOWEN OM MY HINNE, SE FLADDERJE, SE ITE, SE RINNE. € 14,-

Freegje dernei yn dyn boekhannel of bestel online fia websjop.afuk.frl


Nije boeken!

Dizze boeken binne û.o. te krijen yn de Fryske boeken kadowinkel fan de Afûk of online te bestellen fia websjop.afuk.frl

Mei ik yn dyn pemper sjen?

€ 16,95

Mûske is ôfgryslik nijsgjirrich. Oeral wol er yn sjen, sels yn de pempers fan syn freonen. Haske, Geitsje, Hûntsje, Koke, Hopke en Barchje, ien foar ien komme se oan de beurt. Dan wolle de freonen fansels ek wol witte wat der yn de pemper fan Mûske sit. Der wachtet har in grutte ferrassing. In oandwaanlik printeboek mei flapkes oer de grutte nijsgjirrigens fan in lyts mûske. Brûkber en humoristysk boek foar pjutten oer sindlikens.

* Hâldsto altyd fan my?

It libben fan in labbekak

Lytse Bear makket him soargen. Hy is net altyd leaf. Sil mem dan noch wol fan him hâlde? Wat as er alles stikken makket? Wat as mem der net mear wêze soe? Mar memmeleafde is sterk en hy ûntdekt: neat sil dat feroarje. Noait!

It libben fan in Labbekak is it earste diel yn ’e megasuksesfolle searje fan Jeff Kinney. It ferhaal fan in ûnferjitlike antyheld. De boeken fan Jeff Kinney binne ûnderwilens al yn 59 talen útbrocht. Yn it Ingelsk komme de boeken út ûnder de titel Diary of a Wimpy Kid en yn it Nederlânsk binne se bekend as Het leven van een loser. De Fryske oersetting is fan Martsje de Jong.

€ 13,95

Sjoerd fynt it libben in hel. Op ’e middelbere skoalle moat er him steande hâlde tusken ÛNDERKRÛPERS út ’e brêgeklasse en folgroeid ROSMOS dat him al skeart. Op in dei krijt er fan syn mem in leech DEIBOEK. ‘Ast mar net mienst dat ik “leaf deiboek” hjir en “leaf deiboek” dêr begjin te skriuwen.’

Fan de lytse mol, dy’t witte wol wa’t him op ’e kop skiten hat Dizze klassiker is der no ek yn kartonedysje! Doe’t de lytse mol op in dei syn kop boppe de grûn stuts om te sjen oft de sinne al opkaam wie, barde it folgjende: It wie rûn en brún, like in bytsje op in woarst en it slimste wie: it foel krekt op syn kop. Mol giet op syk nei de dieder…

34

35

€ 15,50

€ 15,99 In hûs foar Harry

€ 12,25

Harry is altyd yn ’e hûs. Oant Yfke him freget om tikkerke te dwaan. Hy draaft achter har oan en rekket it paad kwyt. Hoe komt er no wer thús?


Boekresinsjes

Froukje Berber en Jenny binne lid fan it Afûk-boekpanel. Liket it dy ek leuk om de nijste útjeften (berneboeken of boeken foar folwoeksenen) fan de Afûk thússtjoerd te krijen en dêr wat oer te skriuwen? Meld dy dan gau oan! Sjoch op www.heitenmem.nl foar mear ynformaasje.

€ 14,99 Boekresinsje fan Froukje Berber:

‘It aldermoaiste dinoboek’ Wy lêze de bern altyd foar foardat se op bêd geane. Lekker yn ’e pyama op skoat by mem of papa yn de lekkere lêsstoel op Nick syn keamer. Mar no lei der in kadootsje op de stoel! ‘Wow! Is dat boek for me?’ freget Nick (3) heal yn it Frysk, heal yn it Ingelsk. Hy is daliks entûsjast. Want wat is der foar sa’n lyts mantsje no moaier as It aldermoaiste Dinoboek! Hy kin net wachtsje en wy begjinne fuortendaliks mei foarlêzen. Mark (20 m) krûpt der ek by. De grutte lampe moat al oan, want oars hearre wy de dinolûden net. Wy hawwe thús ek It aldermoaiste Trekkerboek, dus it prinsipe is by ús jonges wol bekend. Ek hjir in hiele soad flapkes en ferhaaltsjes, mar yn dit boek stean wol in soad drege en nije wurden (ek foar mem). Want fan in Leaellynasaura hie ik bygelyks noch noait heard. Gelokkich stiet der fonetysk by hoe’t je it útsprekke moatte. Dus nei in pear kear oefenjen slagget dat wol. It boek hat frisse kleuren en moaie yllustraasjes, en achter elk flapke is wer wat spannends te sjen. Nick fynt it moai om alles te tellen. Fan de teannen fan de Edmontonia oant de hoarnen fan de Triceratops. De lûden fine se beide fantastysk. ‘Ssst mem, de dinosaurus leit te koesen!’ Mark fynt it foaral leuk om de flapkes hûndert kear iepen en ticht te dwaan en sels ek dinolûden te meitsjen. Doe’t ik de jûns noch efkes by Nick seach, lei hy mei it boek te koesen. Dus ik kin wol sizze: ‘It beste dinoboek oait!’

Troch Froukje Berber Oliver út Berltsum.

Boekresinsje fan Jenny:

‘Dêr is se dan! En wat no?’

€ 13,95

It boek giet oer lytse bear dy’t in lyts suske kriget. Dat betsjut dat hy syn heit en mem net mear altyd foar him allinne hat, en dan kin syn lytse suske ek nochris hielendal neat. Hy freget him dan ek ôf wat der no sa leuk is oan in suske, en fielt hoe’t it is om jaloersk te wêzen. Wy hawwe dit boek lêzen doe’t ik swier wie fan ús tredde berntsje. En dat wie dus in hiele moaie oanlieding om it ris oer dit ûnderwerp te hawwen mei myn twa famkes fan 3 en 5 jier âld. Benammen ús âldste famke koe har goed ynlibje yn de gefoelens fan de lytse bear. Troch gefoelens lykas jaloersk wêzen en ûnwissigens oer de leafde fan heit en mem te beneamen en te bepraten, koenen wy ús famkes tariede op de tiid dat der yn ús húshâlding ek in soad feroarje sil. Us jongste famke is noch mar 3 jier en kin noch net goed ferwurdzje wat har dwaande hâldt, mar troch dit boek foar te lêzen koenen wy it moai oankaarte op in foar har begryplike manier. Troch it boek faker foar te lêzen, sjochst dat se hieltyd mear werkent en begrypt. Dêrtroch witte se no beide dat, ek al giet in soad oandacht fan heit en mem aanst nei de lytse poppe, dat neat ôfdocht oan de leafde foar har. Want fansels sille ek ús famkes wolris te meitsjen krije mei jaloerske gefoelens, mar wy kinne dan altyd it boek fan lytse bear der nochris by pakke. It is in prachtich boek om kado te jaan oan oansteande grutte broers of susters. By ús stiet dit moai yllustrearre boek no te pronkjen op de keamer fan de lytse poppe. Underwilens hawwe wy it sa faak lêzen dat it boek al troch ús âldste famke oan de jongste foarlêzen wurdt. En trochdat it yn it boek fansels ta beslút allegearre goed komt, sjogge se sels ek mei spanning en wille út nei har eigen broerke of suske. Troch Jenny van der Meer út Kornhorn.


De Simke Kloostermanpriis De skriuwster Simke Kloosterman is foaral bekend wurden troch har boeken foar folwoeksenen, mar se hat ek berneboeken skreaun, ûnder oaren Twiljochtteltsjes, it Great Teltsjeboek en it Lyts Teltsjeboek. Nei har dea yn 1982 is der in priis beskikber steld foar Frysktalige jeugdliteratuer: de Simke Kloostermanpriis. Dy priis wurdt om de trije jier troch in profesjonele sjuery útrikt.

De nominaasjes fan de Simke Kloostermanpriis 2019 De sjuery fan de 13e edysje fan de Simke Kloostermanpriis hat alle Frysktalige jeugd- en berneboeken út de trije foargeande jierren lêzen en beoardiele. Ut dy list mei hast fyftich titels ha de sjueryleden de fiif moaiste boeken útkeazen. De nominaasjes:

EPPIE DAM mei Tsjilp! Yllustraasjes fan Lienke Boot De Ryp útjouwerij In printeboek mei gedichten oer fûgels.

1

AUCK PEANSTRA & RIEMKJE PITSTRA mei Tomke’s foarlêsfeest Yllustraasjes fan uuk Klazenga Afûk Tematysk foarlêsboek foar pjutten mei de aventoeren fan Tomke en syn freonen.

LIDA DYKSTRA mei De weddenskip Yllustraasjes fan Nina Peckelsen 2 Afûk In jongereinboek mei trije ferhaallagen, ynspirearre op de Edda en midsiuwske poëzy.

MIRJAM VAN HOUTEN mei Tije Yllustraasjes fan Mirjam van Houten Afûk In berneboek (7-10) oer it jonkje Tije dat fan it plattelân nei de stêd ferhuzet. In swalker helpt him syn draai wer te finen.

KOOS TIEMERSMA mei Heech Tymo, sjoch omheech Yllustraasjes fan Carla van der Heijde Het Nieuwe Kanaal In berneboek oer it jonkje Tymo. Syn heit is as militêr yn ’e oarloch yn Afganistan omkommen. Op skoalle en thús moat hy mei de nije situaasje leare om te gean.

4

5

3

En de winner is... De Simke Kloostermanpriis 2019 is op freed 17 maaie yn ’e Petrustsjerke fan Twizel útrikt oan de skriuwers en yllustrator fan Tomke’s foarlêsfeest! De priis bestiet út in oarkonde en in bedrach fan 5.000 euro.

36

37


Skriuwer: Willy van Assen Foto: Hippe Kiek Fotografie

Huppeljend, krûpend en stampend it ‘speellokaal’ troch

Dûnsje mei Tomke


dan freeslik om laitsje moat. De bern besykje ek te stroffeljen. Juf docht de sirkusmuzyk oan en alle kearen as juf ‘stroffelje’ seit, falle de bern op ’e grûn. Nei de clowns komme der noch liuwen dy’t slûpe en springe en wurdt der songen oer it sirkus. En alle kearen as de sirkusmuzyk stoppet, feroarje de bern yn in sirkusstânbyld. Se lústerje goed; der steane echte akrobaten, clowns, hûntsjes en liuwen te wachtsjen op de muzyk, dêr yn it ‘speellokaal’ fan ’e skoalle.

‘Beare-earkes, beareeachjes, beare-snút ... en in beare-tút’

De beukers swaaie noch eefkes nei Tomke en juf, en rinne dan de gong op. Sêft tripkjend as mûskes komme de bern fan groep 1 fan CBS De Merlettes yn de klasse werom. Se ha krekt dûnse mei juf Willy en Tomke.

Dûnsjendewei rekkenje en taal-hupsakees! Juf Willy, fan Danswil, komt seis kear by CBS De Merlettes yn Koatstertille te dûnsjen. Alle groepen krije dan dûnsles. De dûnsen hawwe alle kearen in ferskillende ynstek: Dûns as middel, Taaldûns en Rekkendûns en Dûnsje mei Tomke. De juf fan groep 1 hat keazen foar in komby fan Dûnsje mei Tomke, Taaldûns en Rekkendûns. Alle wiken komt Tomke mei juf Willy op skoalle om te dûnsjen mei de bern. De dûnslessen slute oan by it tema en de taalen rekkendoelen. Dûnsjendewei leare de bern. Dit is myn mûle en dit is myn noas, sa sjoch ik bliid en sa sjoch ik boas …

38

39

Mei in boas gesicht stean de beukers yn in kring. Net om’t se lilk binne, mar omdat se meisjonge mei it ferske ‘Dit is myn mûle en dit is myn noas, sa sjoch ik bliid en sa sjoch ik boas …’. Dêrnei folgje de bern de juf, huppeljend, krûpend en stampend. Ien fan de beukers mei ek juf of master wêze, en hy springt mei in grutsk gesicht foar de oare bern út. Dan nimt juf Willy de bern mei nei it sirkus: ‘Tomke sil nei it sirkus. Hy hat der sa’n sin oan! Al fan fierren sjocht hy de grutte tinte stean. Nei’t er syn kaartsje sjen litten hat, mei hy yn ’e tinte. Midden yn de tinte is in grutte pyste. De rûnte sa’t wy no sitte, liket ek krekt op in pyste. Hjir sil wat barre! Mar wat? Wat sil Tomke aanst allegearre sjen yn it sirkus?’ De bern stekke de finger op en begjinne entûsjast trochinoar hinne te roppen: ‘In clown!’, ‘In liuw!’, ‘Hûntsjes!’, ‘In frou yn in tou!’. Juf Willy fertelt oer de clowns, dy’t krekt dogge as oft se stroffelje en dat it publyk dêr

Dan is it tiid foar it lêste ferske. De bern krûpe yn ’e kring yn ’e kleanmakkerssit en sjonge en gebare mei. Tomke sit op skoat by juf. Nei de lêste wurden fan it ferske ‘beare-earkes, beare-eachjes, beare-snút ... en in beare-tút’ wurdt der in tút nei juf blaasd, ien nei Tomke en noch in tredden nei juf Willy. Dûnsje mei Tomke is foar pjutten en beukers op pjutteboartersplakken en basisskoallen in feest, foar de bern én foar Tomke.

Willy van Assen jout wurkwinkels ‘Dûnsje mei Tomke’ foar pjutten en beukers. Lekker dûnsje en sjonge op Tomkeferskes en oare oansprekkende muzyk, en Tomke is der ek by. De bern binne sa boartsjendewei oan ’e gong mei it Frysk én mei it tema dêr’t op it pjutteboartersplak of bernesintrum oan wurke wurdt. Kinst dy tegearre mei dyn pjut ek ynskriuwe foar in lessesearje, of in losse les. Sjoch foar mear ynformaasje op www.danswil.nl https://www.facebook.com/willydanswil/


Klasina van der Werf

Leren omgaan met het leven Hoe het spelen van gezelschapsspelletjes je kind kan helpen

Alles draait tegenwoordig om prestaties en intelligentie, terwijl vaardigheden als het onder controle houden van gedrag, gedachten en emoties misschien nog wel belangrijker zijn. Dat stelt onderwijsexpert Marthe Postma (38) uit Damwâld, moeder van drie zoons (6, 4 en 1 jaar). Zij legt uit hoe ouders hier meer aandacht aan kunnen besteden.


‘Hoe slim je ook bent, als je niet leert omgaan met teleurstellingen of als je je emoties niet de baas bent, dan heb je het zwaar in het leven.’

Waarom treuzelt het ene kind met het aantrekken van de schoenen en jas en is het andere kind op tijd klaar voor vertrek? En belangrijker nog, hoe kun je je kind hierbij helpen? Tot nu toe werd gedacht dat de zogenaamde ‘executieve functies’ – de basisvaardigheden die je nodig hebt om het leven aan te kunnen – niet aan te sturen waren. ‘Niets is minder waar’, zegt Marthe Postma. Uit onderzoek blijkt dat het effect heeft als je jonge kinderen leert omgaan met afleiding, emoties, moeilijke taken of veranderingen. Als je het maar telkens stimuleert. De executieve functies hebben te maken met een soort mengpaneel in je hersenen dat je gedrag, emoties en het denken aanstuurt. De ontwikkeling van dat ‘mengpaneel’ groeit door tot je 22e. Dan heb je een betere controle over je gedrag en worden de executieve functies meer verfijnd. Luizenmoeder Tot die tijd kunnen – met name jonge – kinderen impulsief reageren. Het is volgens Marthe belangrijk om te weten dat die ontwikkeling bij ieder kind weer anders verloopt. ‘Ik herken dat ook bij mijn eigen kinderen. Bij de oudste weet ik dat ik eerst moet vragen of hij zijn schoenen aan wil trekken en daarna pas of hij zijn jas en zijn tas wil pakken. Anders krijgt hij te veel informatie in één keer, en zijn planning en organisatie zijn minder sterk ontwikkeld’, legt Marthe uit. Andere kinderen vinden het juist weer heel moeilijk als er iets verandert, bijvoorbeeld als de luizenmoeder plotseling niet komt opdagen op school, terwijl ze daar wel op hadden gerekend. Maar ook het omgaan met emoties is voor iedereen weer verschillend. Het ene kind kan teleurstellingen snel verwerken, terwijl de ander er heel lang in blijft hangen. Sleutels voor later Hoe slim je ook bent, als je niet leert omgaan met teleurstellingen of als je je emoties niet

40

41

de baas bent, dan heb je het zwaar in het leven. Hoe krijg je grip op je gedrag? En hoe houd je je denken en doen onder controle? Marthe: ‘Dat is best lastig. Kijk maar eens naar jezelf. Als je moe bent of als je het druk hebt, komen je eigen zwakke punten meestal ook naar boven. In elk geval is het mooi om te weten dat er handvatten zijn om de vaardigheden te stimuleren. Ik noem het ook wel “sleutels voor later”. Een leuke manier om dit te oefenen is door activiteiten of spelletjes te doen. Zo kun je heel veel uit gezelschapsspellen halen. Je moet vooruitdenken (plannen en organiseren), leert omgaan met emoties (als je verliest), en als het lastig wordt, is het de kunst om door te zetten.’ Ergeren aan gedrag Door de spelletjes te herhalen en de ervaringen door te trekken naar de praktijk kun je kinderen trainen. Als iemand in een bepaalde situatie bijvoorbeeld opgeeft, kun je hem of haar wijzen op het spel. Weet je nog toen we dat speelden en dat je doorzette? Weet je nog wat er gebeurde? En wat voor gevoel kreeg je daarvan? Als je het zo benoemt worden kinderen bewust van hun gedrag en kunnen ze zien dat bepaald gedrag kan leiden tot succes. ‘Het is als ouder handig om te weten dat je kind er niks aan kan doen dat hij boos wordt als iets anders loopt dan verwacht, of dat hij of zij het moeilijk vindt om bepaalde taken uit te voeren. In plaats van je aan bepaald gedrag te ergeren, kun je je kind beter serieus nemen en helpen. Op die manier leert het kind zijn of haar gedrag,

gedachten en emoties efficiënter aan te sturen. Het gaat daarbij om kleine stapjes, je moet vooral niet te groot denken. Met goed ontwikkelde executieve vaardigheden kunnen ze het ver schoppen in het leven. Daarvoor hoef je geen hoogvlieger te zijn.’

Tips voor spelletjes en meer informatie: • • • • • •

Halli Galli Vlotte Geesten Set Qwirkle Rummikub Ganzenbord

Marthe Postma geeft masterclasses over het trainen van executieve vaardigheden voor leerkrachten en onderwijsassistenten. Meer info: www.marthepostma.nl of info@marthepostma.nl


Skriuwer: Arjanne Nijp Foto: Hoge Noorden

Op de skoaltún leare wêr’t it iten wei komt

Mei de hannen yn ’e modder ‘Jonges tinke jim der wol om, Blub de goudfisk kin dêr ek noch lizze’, ropt Welmoed nei har klasgenoatsjes. Dy binne in pear meter fierderop in flinterstrúk oan it plantsjen. De learlingen fan basisskoalle De Stjelp yn Baard binne drok oan it wurk om harren skoaltún klear te meitsjen foar it groeiseizoen.

Welmoed graaft in gat foar in ierdbeiplant en Doutsen set krekt in toarnbeistrúkje yn ’e grûn. De fammen fine it leuk en gesellich om yn ’e tún te wurkjen. ‘It is wol wat jammer dat de bramen pas yn ’e simmerfakânsje ryp binne’, seit Doutsen. ‘Mar yn ’e simmer sjogge we hjir ek faak even hoefier’t se al binne.’ Fardau is mei krûden oan ’e gong. ‘Ik weet eigenlijk niet wat dit is’, bekent se, wylst se it nammekaartsje siket. ‘Maar we kunnen deze kruiden gebruiken bij het koken. Dat vind ik zo leuk aan de schooltuin. En dat we lekker naar buiten mogen.’ Dat itensieden dogge de learlingen ek yn de skoaltún, want dêr is in ‘itensiedersplak’ makke mei bankjes deromhinne. ‘Niiskrekt ha we dêr broadsjes bakt, en we ha ek al ris grientesop makke’, fertelt juf Jetske Hettinga. ‘We sette dêrom foaral ek krûden en dingen

dy’t je ite kinne yn de tún. Sa leare de bern wêr’t it iten wei komt. En it is ek leuk om te dwaan.’ De skoaltún is de lêste jierren yn opkomst, wit Lemke Statema fan Natuurfaam. ‘It past yn de trend fan sûn iten. Net allinnich op skoallen, mar ek thús hawwe hieltyd mear minsken in grientetún. It is tink ik ek wat in tsjinreaksje op de mobile tillefoan en tablets: nei bûten gean en écht wat dwaan.’ Natuurfaam stipet en advisearret griene en duorsume projekten. Sa helpt Lemke geregeld skoallen op wei mei de tún. Se kin helpe mei in ynrjochtingsplan, de learkrachten in kursus ‘Natuurlijk moestuinieren’ jaan of in skoalle it yntroduksjeprogramma ‘Tuinklas’ oanbiede om mei de learlingen útein te setten yn de tún. ‘Ik sykje dan grienten út mei in koarte teelt, of fêste planten lykas fruitstruken

en krûden. Sa kinne de bern noch foar de simmerfakânsje in rispfeest hawwe. Bygelyks radyskes, andyvje en túnbeantsjes. Woartels kinne ek wol foar de fakânsje út ’e grûn, dan hast babywoarteltsjes.’ ‘Ik tink dat seker yn de doarpen in protte bern noch wol witte wêr’t it iten wei komt. Mar hoe’t it groeit, ûnder de grûn, dat witte de measten net.’ seit Lemke. ‘Je keapje altyd in bosk woartels, mar se groeie los fan elkoar. En sprútsjes groeie yn de oksels fan in plant. In protte minsken witte dat net, dat is dan hiel leuk om te sjen.’ De tún op skoalle wurket ek wol troch nei thús, wit Lemke út ûnderfining. ‘Der wie ris in jonkje dat geregeld even nei de skoaltún gie om munt te heljen. Koe hy dêr thús tee fan sette. En âlders dy’t helpe mei de tún op


skoalle, begjinne der faak thús ek mei.’ Dy âlders binne wol frij ûnmisber, fynt Lemke. ‘Of frijwilligers, mar hast wol in pear begelieders nedich ast mei 30 bern de tún yn giest. En ek wol wat kennis, dus faak probearje ik skoallen yn kontakt te bringen mei in buerttún ofsa.’

‘Juf, mag ik de bak met water even?’ Yn Baard ûnderhâlde de bern de tún foaral sels. ‘Wy begeliede dat as juffen, en soms binne der even wat âlders dy’t meihelpe mei gersmeanen ofsa’, seit juf Jetske. ‘It mei ek best fan de bern wêze. It is in proses, en ik fyn it net slim datst dat sjochst.’ It hinget wat fan it seizoen ôf hoe faak at de bern yn ’e tún binne. ‘Soms binne we der wat faker en soms hielendal net. Mar der is hast altyd wol wat te dwaan: snoeie, plantsje, skoffelje, rispje. Al binne se mar in kertierke mei syn allen oan ’e gong, dan is der al wer in hiel soad dien.’ De Stjelp hie it gelok dat se fiiftûzen euro wûnen mei in ûntwerpwedstryd foar de tún. In túnker hat se holpen by it oanlizzen. De

42

43

tún is der no ek op ynrjochte om bûtendoar les te jaan. Dat dogge se yn elk gefal seis kear per jier in hiele dei. ‘We kinne hjir ek lêze, foarlêze, fruit-ite, neam mar op’, fertelt juf Jetske. ‘Rekkenje dogge we oars op in tablet, mar op sa’n bûtenlesdei dogge wy dat mei spul en beweging. Fan ’e moarn hawwe de bern guod sammele en dêrnei op alfabetyske folchoarder lein, sa dogge we stavering en wurdskat yn ienkear.’ Ek winterdeis en by min waar giet de bûtenlesdei gewoan troch. ‘Dêr kinst dy op klaaie’, fynt juf Sjoukje de Jong, dy’t sels in termoshirt ûnder de trui hat. ‘En stilsitte yn de rein kin net, dus dan moatte we de bern yn beweging hâlde. Allinnich it lêzen dogge we dan binnen.’ Mar ek mei in lyts budzjet kinst in skoaltún begjinne, wit Lemke Statema. ‘Kinst by wize fan sprekken in pear tegels omheech sette en mei potten en bakken kinst ek al wat leuks dwaan. Dan hast allinnich wat grûn nedich, en siedsjes binne ek net djoer.’ Foar ynspiraasje kinne skoallen har abonnearje op de nijsbrief Zaaiplezier! fan Jong Leren Eten. Dêryn jout Lemke as ‘moestuincoach’ om de twa wiken leuke tips foar de tún. Datst kweekbakjes

meitsje kinst fan âlde wc-roltsjes bygelyks. Mar fynst dêryn ek in ‘zaaikalender’ en ynstruksjes foar it siedzjen. Yn Baard binne yntusken alle planten de grûn yn. ‘Juf, mag ik de bak met water even?’ ropt Rens. ‘Ik moet ze nog water geven.’

Thús ek túnkje mei de bern? ‘Gewoan probearje’, seit Lemke Statema fan Natuurfaam. ‘Pak it net te grut oan, in pear plantsjes is al hiel leuk.’ ‘Set wat túnkers yn it finsterbank. Siedzje twa of trije sinneblommen. Slaad, bygelyks rukola, is hiel maklik en kin ek yn potten. En radyskes slagje altyd. Dy hawwe wol in sterke smaak, mar as bern se sels kweekt hawwe, fine se se faak wol lekker.’ Ynspiraasje fynst op www.ivn.nl/zaaiplezier


Ferhaaltsje

Wetterfeest Auck Peanstra

Tomke en Yana Yu boartsje yn 'e tún. 'Pff! Wat is it waarm bûten', seit Tomke. 'Kornelia, meie we yn it swimbadsje?' 'Ja, hear', seit Kornelia. 'Ik sil it gau foar jim opblaze.' Kornelia leit it swimbad yn it gers. Dan blaast se har wangen bol. De rânen fan it swimbad komme omheech. 'No moat it wetter deryn', seit Tomke. 'Krij mar in pear amers', seit Kornelia. 'Jim kinne my wol helpe.' Tomke set de amer ûnder de kraan. Yana Yu draait him iepen. As de amer fol is, sjout Kornelia him nei bûten. Se leget de amer yn it swimbad. 'Wat in bytsje wetter', seit Tomke. 'Der moat noch mear yn.' 'Ik helje de slang op', seit Kornelia. 'Dat is wat makliker.' Tomke mei de slang útrôlje. Kornelia makket him oan de kraan fêst. 'Mei ik de slang beethâlde?' freget Tomke. Kornelia knikt en draait de kraan iepen. Tomke spuitet it wetter yn it bad. 'Wat dogge jim?' ropt Romke. Tomke sjocht wêr't dat stimke weikomt. Hy draait him om. Mei de slang.

De slang spuitet net mear yn it bad. It wetter giet oer it gers, oer de blommen, oer ... Romke! 'Hee!' ropt Romke. 'Net op my spuitsje!' Tomke laket. 'Ik bin de rein!' seit er. Romke draaft nei Tomke ta. Hy springt omheech. Hy hapt nei de slang. Dêr hat er him te pakken. De wetterstriel giet no de oare kant út. Nei Tomke ... Nei Yana Yu ... Se wurde dweiltrochwiet. 'Wat dogge jim no!' ropt Kornelia. 'Sa komt it wetter net yn it bad.' 'Doch it swimbad mar fuort', laket Tomke. 'Mei de slang spuitsje is folle moaier!

Wolsto ek FERGEES moaie printables, wurdkaarten, ferhaaltsjes, kleurplaten, ferskes en nifelwurkjes foar pjutten yn dyn mailbox krije? Sjoch dan op www.tomke.nl en meld dy oan foar de nijsbrief!


Nije Tomke app! Hawwe jimme de nije Tomke-app al sjoen? Yn de app kinst ferhaaltsjes lêze, spultsjes dwaan, meisjonge mei ferskes en fimkes besjen. Tomke en syn freontsjes steane sintraal, mar der binne ek oare materialen te finen dy’t geskikt binne foar bern fan 2 o/m 6 jier âld. It oanbod wurdt hieltyd oanfold mei nij materiaal dat past by de tiid fan it jier. De telefyzjeútstjoeringen fan Tomke binne online te besjen, en Tomke-radio is online te beharkjen. De oare materialen, lykas ferhaaltsjes, ferskes en spultsjes, kinne ek download wurde om offline te brûken. Sa kin Tomke ek mei op fakânsje! Download de Tomke-app, foar tablet en telefoan, fergees yn de App Store of Google Play Store, en boartsje moai mei Tomke en Romke mei!

Nije Tomke Webside! Ek is der in spiksplinternije webside fan Tomke. Alles wat jimme fan Tomke witte wolle en noch folle mear is te finen op de fernijde webside www.tomke.nl. Ynformaasje oer de achtergrûn fan it Tomke-projekt en de dêrby belutsen organisaasjes bygelyks. Mar ek in oersjoch fan alle aktiviteiten en produkten fan Tomke. Fierder is dêr fan alles te finen foar âlders en bern dy’t thús mei Tomke oan ‘e slach wolle: ynformaasje oer taalstimulearring, mar ek spultsjes, ferhaaltsjes, ferskes en kleurplaten foar pjutten.

Tomketeek Wurkje jim al mei de Tomketeek? Yn de Tomketeek binne in hiel soad digitale Tomke- en oare Fryske materialen foar pjutten sammele. De materialen binne sortearre op tema en by alle tema's is in grut ferskaat oan Fryske materialen te finen, lykas bygelyks ferhaaltsjes, ferskes, nifelwurkjes, filmkes, praatplaten, opsisferskes en boeketips. Freegje fergees dyn ynlochkoade oan fia ynfo@tomke.nl. Fermeld dyn namme en kontaktgegevens (en de namme fan it pjutteboartersplak of de skoalle dêr'tsto wurkest). Do krijst dyn ynlochgegevens dan oer de mail, sadatst daliks oan 'e slach kinst mei de Tomketeek!

44


De krokodil/krokkedil De krokodil

De pappegaai De papegaai De sjiraf |

De sebra | De zebra

De liuw | De leeuw

De noashoarn De neushoorn De oaljefant | De olifant

De panter / It loaihoars Het luipaard De skyldpod | Het schildpad


Skriuwer: Ciska Noordmans Foto: Hippe Kiek Fotografie

FERNEAMD

Gerardina Petronella: Gerrie

Namme: Gerardina Petronella Bergsma-Wagenaar Berne op: 15 augustus 1949 Wennet yn: Harich Namme beppesizzer: Gerardina Petronella Oostra Berne op: 19 desimber 2006 Wennet yn: Snits Betsjutting Gerardina: dapper, sterk mei de spear Betsjutting Petronella: frou fan belang

As ‘beppe’ Gerrie heart wat har namme betsjut, reagearret sy entûsjast: ‘Dat past my moai! Fan oare minsken hear ik gauris dat ik in “sterk wiif” bin. Ik hâld fan organisearjen, ik bin gauris foarsitter by gearkomsten en ik bin BABS by De Fryske Marren. As bûtengewoan amtner fan de boargerlike stân trou ik jonge stellen. Ik soe mei myn 70e ophâlde, mar ik fyn it moai wurk, dat ik gean noch eefkes troch. Ik sit noch fol enerzjy. Doe’t ús dochter Neeltje en har man Ed dan ek fertelden dat sy in lytse poppe ferwachten, wiene wy fansels ferskuorrend bliid foar harren, mar ik ha fuort sein: ‘Do meist my by sykte en oare wederwarichheden altyd belje, dan kom ik

46

47

fuort, mar ik wurd gjin oppasbeppe.” It griist my oan! Ik ha sels noch sa’n drok libben. Regelmjittich komme de fjouwer bernsbern lâns, soms útfanhús en soms samar even. Ik fyn it altyd leuk as sy komme, dan lit ik my alles út ’e hannen falle. Gerrie (12) groeit en feroaret fansels. As sy hjir is, wol se gesellich mei beppe “make-uppe” of we gean even te winkeljen. Gerrie is it iennige famke fan de bernsbern en in echt famkefamke. Sy kin goed leare en it is echt in skatsje, krekt as ús oare pake- en beppesizzers. Ik bin sa grutsk as in aap, ek op de âlders. Sa’n komplimint is nedich, dus dat sis ik dan ek tsjin harren.

Doe’t Neeltje befallen wie, hat sy ús út it sikehûs wei opbelle en ferteld dat sy in lyts famke krige hiene en dat sy krekt as ik Gerardina Petronella, mei de ropnamme Gerrie, neamd wurde soe. Ik hie dat noait ferwachte. Ik wist sels net oft it in famke wurde soe, mar myn man en ik, wy wiene sa bliid dat it hummeltsje der wie. Wy moasten der beide fan gûle. Wy binne echt net namsiik, mar wy binne wol gek op tradysjes, dat wy ha alle bernsbern by de berte in sulveren leppel mei ynskripsje jûn, in sparbankboekje en in lyts besteksetsje. Moaie tradysjes om mei te nimmen de takomst yn!’


€ 14,99

Profile for Dieuwke Posthumus

Heit&Mem nr. 1 2019  

Hawwe jim de nije heit&mem al sjoen?? Yn it blêd fynst dit kear û.o. artikelen oer de doula, Hindrik van der Meer, grutte gesinnen, de Simke...

Heit&Mem nr. 1 2019  

Hawwe jim de nije heit&mem al sjoen?? Yn it blêd fynst dit kear û.o. artikelen oer de doula, Hindrik van der Meer, grutte gesinnen, de Simke...

Advertisement