Heit&mem nr. 1 2018

Page 1

gratis & fergees

NR.1 2018

bewegen maakt je slim meartalige helder kommunisearje freonskippen mei bern met je baby naar de therapeut MEI FOA RLÊSFERH A LEN, DE NI JS TE BERNEBOEKEN, KRE A MK A DOOT S JES EN NOCH FOLLE ME A R...


Efkes tiid foar dysels... ADVertentie

mei de Friesland Post!

It leafst bringst de hiele dei troch mei dyn lytse poppe, mar sa no en dan efkes tiid foar dysels nimme kin hiel noflik wêze. Pak de Friesland Post, plof lekker del en pak dat momintsje foar dysels. Kom yn 'e kunde mei de natuer, kultuer, minsken en ekonomy fan Fryslân!

12 edysj foar

es

€ 53, 75

Belje 0513 - 68 33 14 of gean nei www.frieslandpost.nl


Bûtergieltsjes, pinksterblommen, piipkrûd en in ferjit-my-net. Ik hâld fan alle blommen, stik foar stik, yn myn boeket.

Dieuwke van der Meer

Koweblomkes, titelroaskes, snieklokjes en in wylde margryt. Leeljes en in sinneblom, stik foar stik myn favoryt.


ynhâld

8

Dieuwke van der Meer (redakteur) Op de basisskoalle yn Winsum hienen se foarich jier in projekt oer de skries, sjoch ek side …. Myn dochter Maaike fûn dat prachtich. Doe’t se in jier as trije wie, probearre ik har al de fûgelnammen by te bringen. Yn de tún wiisden wy it readboarstke oan, de blaumies en de mosk. Doe’t se letter in klyster seach frege se my: ‘Mem, mar dat is in gewoane fûgel dochs?’ It falt allegear ek net mei, dy fûgelnammen. Efter yn dit tydskrift fine jim in oersjoch fan in tal fûgels mei de Nederlânske én de Fryske namme. Kinne jimme mar oefenje!

NR.1

16

Ciska Noordmans (redakteur) ‘Iten is oalje foar de freonskip’, lies ik ris yn Snits by in restaurant. Dat fassinearre my. Earlik sein hâld ik net sa fan iten mar wol in ferskuorrend soad fan gesellichheid en nim ik it iten der op ta. Freonskip en ferbining is in grutte pylder yn myn bestean; ferbûn wêze mei minsken en mei de natuer. Fansels hoege lânsgrinzen of in oare taal de freonskip net te behinderjen. Sa bewize ek de ‘best friends forever’ op side 16.

Kolofon Yllustraasjes:

Foarmjouwer:

Distribúsje:

gemeentehuzen en yn oare

Luuk Klazenga (side 44)

BW H ontwerpers

heit&mem wurdt fergees

iepenbiere romten. Sjoch foar

Vera Damhuis (side 12)

www.bwhontwerpers.nl

ferspraat yn in oplage fan

de ferspriedingslist op

info@bwhontwerpers.nl

46.000 eksimplaren. Der

www.heitenmem.nl

tel.: 058 - 213 35 43

wurdt wurke neffens in

Redaksje: Ciska Noordmans

Korreksje:

Dieuwke van der Meer

Ytsje Steen-Buwalda

Hieke Rienstra

info@sekuer.nl

Tine van Knijff-van Hijum Wendy de Jong

Meiwurkers:

redaksjestatút dat boarch

Losse nûmers:

Fotografy:

stiet foar de ûnôfhinklikheid

Losse nûmers kin besteld

Het Hoge Noorden

fan de redaksje.

wurde fia websjop.afuk.nl foar

Redaksje-adres /útjouwer:

www.hogenoorden.nl

www.heitenmem.nl

info@hogenoorden.nl

Dizze heit en mem is de earste

ynfo@heitenmem.nl

tel.: 058 - 216 79 66

fan de twa nûmers dy’t yn

safier op foarried

ISSN: 1878-4437

2018 ferskine sil yn dizze

Paul van Dijk Piet Hijlkema

Printwurk:

Hippe Kiek Fotografie

rige. Yn it foarjier ferskynt

Tine van Knijff-van Hijum

Senefelder Misset,

by Sjoeke

De lytse heit&mem, in útjefte

Marrit de Schiffart

Doetinchem

hippekiek.wixsite.com/

dy’t fia de gemeente yn it

Marieke Vinckers

www.senefelder.nl

hippekiekfotografie

Taalkado ferspraat wurdt.

Tjalling de Vries

info@senefelder.nl

hippekiek@gmail.com

heit&mem is in meartalich

Utjûn mei stipe fan de

Klasina van der Werf

tel.: 0314 - 35 55 00

tel.: 06 - 23 90 18 58

tydskrift en spesifyk rjochte

provinsje Fryslân.

Nynke van der Zee

op âlders mei bern yn Fryslân. heit&mem is fergees te krijen by boekhannels, bibleteken,

heit&mem kinst ek folgje fia:


34

Tine van Knijff-van Hijum (tekstskriuwer) Wy wienen noch mar krekt heit en mem en snapten net wêrom’t ús lytse jonkje hieltiid sa raasde. Wat wie der dochs mei syn holle, wêrom woe er dy altyd achteroersmite? Der koe wol wat ferkeard sitte yn syn nekke… Us mem rekke dêroer oan de praat mei in âld-kollega en dy sei: ‘Oh, dat is it KISS-syndroom. Hie dy fan my ek!’ Wy binne nei de terapeut gien en mei trije behannelingen wie it oplost. Yntusken is ús soan acht jier en hjit it net mear KISS-syndroom, mar Hoog Cervicale Functie Stoornis (HCFS). Lês dêr mear oer op side 34

Wendy de Jong (redakteur yn oplieding) De bern yn ús strjitte fleane en drave it leafst de hiele dei. Dat faak yn kombinaasje mei in hiel soad kabaal en drokte. Bern fine it hearlik om lekker gek te dwaan, om te draven en te dûnsjen en te springen. Raar eins dat se dan op skoalle de hiele dei stilsitte moatte. Ik wit noch wol dat ik oan ’e ein fan de skoaldei in seare kont hie fan it stilsitten. Wat moai dat der no lesprogramma’s binne wêrby’t bewegen hiel gewoan is! Wolst witte hoe’t dat wurket? Op side 28 kinst dêr mear oer lêze.

Hieke Rienstra (redakteur) Helder kommunisearje is belangryk, seit opfiedcoach Sandra Smits. Mar dat falt net altyd ta as myn lytse famke op ‘e grûn leit te razen. Foaral as ik hastich of wurch bin is de ferlieding soms grut om ta te jaan oan wat se graach wol. Mar just dan is it belangryk om rêstich te bliuwen en op eachhichte mei har te praten. Ik fernim dat as ik dúdlik fertel wat ik fan har wol, dat har dat ek rêst jout. Lytse wurdsjes meitsje soms in grut ferskil! Lês mear op side 42

42

28

ynhâld 04 Kolofon 06 heit&mem Post 08 De Skries 10 Swier & Swiet 12 Stranger danger 14 Wat nijs 16 Meartalige freonskippen 19 Kollum Paul van Dijk 20 Yn ferwachting 22 Bernepraatsjes 23 Der op út mei heit&mem 27 Waarme taksys

4

5

28 Fit & Vaardig 32 Berneboeken 34 HCFS 36 Ik jou dyn myn nier 39 Beppe breidet 41 Kollum Tjalling de Vries 42 Helder kommunisearje 44 Tomke 45 Kollum Piet Hijlkema 46 Fûgels 47 Ferneamd


Wolsto wat oan ús kwyt? In bysûnder ferhaal, in moaie foto, in goeie tip of gewoan dyn miening ergens oer? Mail it ús of stjoer it op! ynfo@heitenmem.nl

POST

Heit&mem Postbus 53 8900 AB Ljouwert. Of sykje ús op fia Facebook, Pinterest, Instagram of Twitter.

Voor altijd in ons hart In september zijn we ouders geworden van onze zoon Ivan. Wat waren we blij en gelukkig! Met Ivan ging alles naar wens en we konden wat dat betreft ons geluk niet op. Toch hing er al vanaf het begin van de zwangerschap een donkere wolk boven onze hoofden. Mijn moeder was een hele tijd ziek geweest, ze had kanker. In september 2016 was ze schoon verklaard, maar in december van datzelfde jaar ging het mis. Na een aantal onderzoeken bleek dat de kanker op meerdere plekken terug was en dat ze ongeneeslijk ziek was.

Op de cover Op de foto stiet Sverre (9) út Akkrum. Op de foto wie er noch mar 7,5 jier. De hûn hjit fan Spike. Sverre en Spike binne echte maten. Dat wie al sa doe’t Sverre noch as baby troch de keamer krûpte. Spike is altyd yn de buert fan Sverre. Sverre docht graach echte jongesdingen, sa as mei Lego boartsje, klimme, klauterje en mei de fyts of de skelter skeure en slippe. Hy wol letter masinist wurde, want hy is ek gek op treinen. Sverre fynt it hiel moai dat er no op de cover stiet fan de heit&mem. Want hy wol letter nammentlik hiel graach beroemd wurde.

Ferklaaid Ik wie oan it kreamen by freonen dy’t harren twadde berntsje krigen hiene. By de earste wie ik dêr ek. Harren âldste (hast trije jier) hie my hast noch nea yn unifoarm sjoen. En fûn it mar frjemd. Se frege: ‘Hester, ben jij een dokter?’ Ik antwurde har dat ik in soarte fan suster wie. ‘Ooooh,’ sei se, ‘je doet alsof!’ Dêr ha ik hertlik om lake en fierder liet ik it mar efkes sa. Mar geandewei de wike siet it de lytse dame dochs net lekker. Want se frege my wannear’t ik dochs ris sûnder ferklaaiersklean komme soe... Hester Witbraad

Een achtbaan van emoties volgde: aan de ene kant blijdschap vanwege mijn zwangerschap en aan de andere kant intens verdriet vanwege mijn moeders ziekte. We hebben mijn moeder meegenomen tijdens mijn zwangerschap, zodat ze er zoveel mogelijk bij kon zijn. Gelukkig heeft mijn moeder de geboorte van onze zoon nog kunnen meemaken, tijdens de bevalling heeft ze me met al haar kracht gesteund. In de weken daarna ging ze snel achteruit. Uiteindelijk is ze na een slopende ziekte in november overleden. Alhoewel het ontzettend moeilijk is dat mijn moeder er niet meer is, begint voor ons nu een periode waarin we hopelijk meer kunnen gaan genieten van onze zoon. Met mijn moeder voor altijd in ons hart. Bertine Dotinga


Poppe fan de moanne

augustus 2017

septimber 2017

oktober 2017

Imke van As út Sint-Jut berne op 14-06-2017

Mex Terpstra út Gytsjerk berne op 03-05-2017

Djisse Owen Kooistra út Koatstertille berne op 03-08-2017

novimber 2017

desimber 2017

jannewaris 2018

Lynn Kooistra út Wâlterswâld berne op 25-08-2017

Danique út Seisbierrum berne op 06-11-2017

Fenna Heslinga út Sumar. berne op 11-09-2017

Bysûndere bertekaartsjes Googelje, âlde skuondoazen neiplúzje, kaarteboeken besjen... Nettsjinsteande de topûntwerpen, je kinne der sels faak net oan tippe, siet der dochs neat fan ús gading tusken. Te rôs, te blau, te grien, te skattich, te djoer, te wat-dan-ek-mar. Wy wiene op syk nei in kaart mei in ferhaal. Oars as oars. Kreatyf én útsprutsen ús. Wy binne dan ek noch altyd tige wiis mei it bertekaartsje fan (de yntusken grutte) Peke. Groetniskes, Janneke de Boer

Witsto dat op heitenmem.nl ek Fryske bertegedichtsjes steane? En dat heit&mem fergees alle Fryske teksten foar op bertekaartsjes, rou- en troukaarten foar jim neisjocht? De teksten kinne maild wurde nei ynfo@heitenmem.nl

6

Is dyn poppe, buorfamke, neefke of beppesizzer de moaiste poppe fan de wrâld? Upload dyn foto op www.heitenmem.nl! De poppe mei de measte stimmen kriget in Frysk poppepakket tastjoerd. Dochst ek mei?

7


Nynke van der Zee

De skries

Kening fan it basisûnderwiis

In soad bern fan de basisskoalle kinne de fûgels út de greide net mear by namme. De IVN wol dêr feroaring yn bringe en hat in lesprogramma makke yn gearwurking mei Kening fan de Greide. Elke basisskoalle krijt tagelyk mei dit nûmer fan heit&mem fergees it boek Pykje Fjouwer fan Lida Dykstra. En yn Natuurmuseum Fryslân fynst in tentoanstelling oer de skries.


Freegje in bern hokker bisten der yn de bistetún foarkomme en se kinne der mei gemak in hânfol opneame. Mar freegje hokker bisten der yn de eigen omjouwing libje en it bliuwt teloarstellend stil. Oanlieding foar IVN Fryslân, it Ynstitút foar Natueredukaasje en Duorsumens, om in lesprogramma te betinken om bern yn de kunde te bringen mei bisten dy’t yn ús eigen provinsje libje. ‘Elk bern wit hoe’t in sebra der útsjocht,’ knikt Pyke Kroes fan it IVN, ‘mar in skries of in ljip? Gjin idee.’

‘ Elk bern wit hoe’t in sebra der útsjocht. Mar in skries of in ljip? Gjin idee.’ Op aventoer by de boer Al yn 2014 is úteinset mei it projekt ‘Op aventoer by de boer’, wêryn’t skoalbern op ûntdekkingstocht gean op de pleats en yn it lân. ‘Doel is om mear omtinken te jaan oan it Fryske lânskip en de bisten dy’t dêryn libje’, leit Pyke út. ‘De greidefûgel is dêryn ûnmisber, mar dochs hiel ûnbekend. De ôfrûne jierren ha wy “Op aventoer by de boer” útrôle oer hiel Fryslân. Stadichoan is de fokus hieltyd mear kommen te lizzen op de greidefûgels as dragers fan it projekt.’ It moaie fan fûgels is nammentlik datst se oeral tsjinkomme kinst. Hoechst allinnich mar it lân yn te kuierjen en trefst fêst wol in eksimplaar. Der binne tsientallen ferskillende soarten, dus hoechst dy gjin momint te ferfelen. No ja, dat is spitich genôch net hielendal wier. Want in fûgel docht net hiel folle mear as ite en fleane. Mei oare wurden: der bart net safolle spannends yn it lân foar bern. ‘Fan ’t simmer ha ik mei west mei in greidefûgel-safary, mar al nei tsien minuten ferfeelden de bern har. Sa’n safary is gjin Freek in het wild’, wit ek Pyke. ‘Fandêr dat wy elk jier sykje nei nije projekten om it ynteressant te meitsjen foar de bern.’

8

9

Het Grote Grutto Theater Ien fan dy nije projekten is de gearwurking mei Natuurmuseum Fryslân. Dêr is fan 26 jannewaris oant 2 septimber in spesjale eksposysje oer de skries: Het Grote Grutto Theater. Bern kinne yn de hûd fan de skries krûpe. Fleane boppe Fryslân, op syk nei iten en dysels ferstopje foar bisten dy’t dý wol in lekker hapke fine. Hearre, sjen en fiele; der is fan alles te belibjen en te dwaan. ‘Dy gearwurking is foar ús prachtich’, fertelt Pyke. ‘It slút perfekt oan op ús lesprogramma yn de klasse. Se gean it fjild yn, op skoalle lêze se deroer en yn de eksposysje wurde bern op alderlei wizen oansprutsen. De skries sels hat in stim, lykas ek oare greidefûgels. Sa komt it ûnderwerp hielendal ta libben.’ Opfallend ûnderdiel fan Het Grote Grutto Theater is de muorre fol mei keunstwurken fan skoalbern út Baard, Itens, Wommels en Winsum. ‘Dy keunstwurken binne makke troch de skoalbern dy’t al in oantal jierren meidogge oan ús edukaasjeprojekt’, fertelt Pyke grutsk. Spesjaal dêrfoar brocht direkteur Tom van Slooten fan it Natuurmuseum in besite oan dy fjouwer skoallen om de bern te freegjen om keunstwurken te meitsjen foar it museum. ‘Dat kin fan alles wêze. Fan skilderijen, films en foto’s oant gedichten, stripferhalen of kollaazjes’, leit Pyke út. ‘Ynkoarten wurde de keunstwurken ophongen. Dyn eigen keunstwurk yn it museum; hoe stoer is dat?!’

‘ Der leit letterlik in wrâld om ’e hoeke op de bern te wachtsjen’ Fergees it boek Pykje Fjouwer Om ek alle oare basisskoallen entûsjast te meitsjen foar it natueredukaasjeprojekt om de skries hinne dielt Kening fan ’e Greide yn gearwurking mei de Afûk fergees it lêsboek Pykje Fjouwer út oan alle Fryske skoallen. ‘It boek is der sawol yn it Frysk as

yn it Nederlânsk en is bedoeld foar de ûnderbou’, fertelt Pyke. ‘It is in prachtich foarlêsboek. Wy ha der ek in ferhalend ûntwerp foar makke. Sa kinst as master of juf ûnderwerpen út it ferhaal útdjipje. Bygelyks: wat is allinnich wêzen? Hoe fielst dy dan? Mar ek: watfoar bisten wenje der eins op in pleats? Der giet wier in wrâld foar de bern iepen. In wrâld dy’t se no noch net kenne, mar dy’t letterlik om ’e hoeke op harren leit te wachtsjen.’

Wolsto ek meidwaan? Yn it jier 2018 binne der allerhande aktiviteiten oer greidefûgels foar Fryske basisskoallen. In soad fan dy ekskurzjes en lessen wurde oanbean troch de natueredukaasjesintra yn de provinsje. Sjoch op www. kultuerfilter.nl/lesprogramma’s en op www.kingofthemeadows.eu/ educatie. Wolsto mei dyn skoalle ek meidwaan? Nim kontakt op mei Pyke Kroes, fia e-mail: p.kroes@ivn.nl, of belje nei: 058 289 04 63.

Ek nei Het Grote Grutto Theater? Wolsto in fleantocht meitsje fan Senegal nei Fryslân? In skrieze‘selfy’ meitsje? Of bist nijsgjirrich nei wat in skriezepykje yt? Kom dan nei Het Grote Grutto Theater yn Natuurmuseum Fryslân. Sjoch op www.natuurmuseumfryslan. nl/grote-grutto-theater foar mear ynformaasje.


Als (helpen) opgroeien een uitdaging is

Sandra Russell is pedagoog en projectleider jeugdzorg bij Cedin. Sandra is getrouwd en heeft 2 kinderen.

De maandag na de zomervakantie stond ik met mijn zoon op het schoolplein te kijken naar de blije gezichten van alle leerlingen die zin hadden om weer naar school te gaan. Een ander klaslokaal, een nieuwe leerkracht; het is altijd even wennen aan het begin van het schooljaar. Ieder kind moet zijn plek binnen de groep weer vinden. Bewust en onbewust bepalen de kinderen hoe ze zich binnen de groep gaan gedragen. De leider van de groep staat op, maar de zondebok wordt ook aangewezen. Vorig jaar is Eline van 11 jaar bij ons in de behandeling geweest. Eline was in haar klas de zondebok. Ze hoorde niet bij de groep en was het slachtoffer van kleine pesterijen. Dit had grote invloed op haar dagelijks handelen. Ze kreeg lichamelijke klachten en was enorm onzeker. Het heeft lang geduurd voordat ze aan haar ouders durfde te vertellen dat ze gepest werd door haar klasgenoten.

‘Kinderen hebben genoeg redenen om niet aan hun ouders te vertellen dat ze gepest worden’ Volgens mijn collega Anneke Sterenberg, GZ psycholoog en lid van het ConsultatieTeam Pesten, hebben kinderen genoeg redenen om niet aan hun ouders te vertellen dat ze gepest worden. Ze zijn bang dat hun ouders te emotioneel reageren of de daders te voortvarend aanpakken. Ook willen kinderen hun ouders niet ongelukkig maken, want natuurlijk zijn ouders van slag als ze horen dat hun kind gepest wordt. Daarnaast denken kinderen vaak dat er toch niets aan gedaan kan worden. Vaak hebben ze die ervaring al en durven ze er niets meer over te zeggen. Gelukkig heeft Eline toch de moed gehad om het te zeggen. Haar ouders hebben contact met ons opgenomen en wij hebben met Eline gewerkt aan haar sociale vaardigheden en weerbaarheid. Hierdoor kwam ze steviger in haar schoenen te staan. Ze is zelfverzekerder geworden en durft haar mannetje te staan. In overleg met Eline, haar ouders en de school is collega Anneke met de klas van Eline aan de slag gegaan om het pesten te stoppen. In de klas zat één leider en zijn meelopers die de rest van de groep op sleeptouw namen en ervoor zorgden dat Eline de zondebok werd. Deze vicieuze cirkel is doorbroken. Het maakt me altijd weer blij dat we bij Cedin deze driehoek kunnen maken: we helpen het kind en als het nodig is gaan onze onderwijskundigen aan de slag op de school van het kind. Hiermee helpen we het kind echt verder. Heb je vragen? Klop gerust bij ons aan. Wij helpen je graag op weg!

Sandra Russell

Thuis en school worden op elkaar afgestemd

Je kunt bij ons terecht voor o.a.: Onderzoek en behandeling van dyslexie Kinder- en jeugd GGZ Vragen over opvoeding en ontwikkeling Ziek zijn en onderwijs Paramedische zorg Thuiszitters

> Persoonlijk contact > Geen wachtlijsten > Zorg voor het kind en zijn omgeving 0-23 jaar

Een kind aanmelden voor consultatie Neem contact met ons op via: zorg@cedin.nl 088 0200 300 www.cedinzorg.nl

Wij helpen je meteen!


Swier & Swiet Angela-poppen

Ik draag je verder

Dizze prachtige Angelapoppen fan it merk Metoo binne 42 sm lang en supersêft. Kinst der bygelyks ek de namme fan in nijberne poppe op sette litte, dan hast in unyk en persoanlik kreamkadootsje. Se binne te krijen yn ferskillende kleuren, fia de webwinkel fan Anna út Kollum: www.dutchdiva-originals.nl.

Susanne Jongejan is draagconsulente en opende vorig jaar de eerste draagwinkel van Leeuwarden én van Fryslân! Haar winkel is te vinden in een oud pakhuis aan de Oostersingel. Je kunt er terecht voor verschillende types draagdoeken, Mei Tais, Ringslings en ergonomische dragers (draagzakken), zowel in baby, peuter als kleutermaten. Ook is ze gespecialiseerd in het dragen van kindjes met ‘special needs’, zoals premature en dysmature kindjes en kindjes met klompvoetjes, heupdysplasie, enz. Susanne geeft je graag persoonlijk advies. Voor meer informatie: www.ikdraagjeverder.nl

Wist je dat… … vrouwen die tijdens de zwangerschap last hebben van maagzuur vaker kinderen krijgen met een hoop haar? Dit komt doordat een grotere hoeveelheid oestrogeen en progesteron zorgen voor meer haargroei. Tevens zorgen deze hormonen ervoor dat de slokdarm meer ontspant, waardoor er dus af en toe maagzuur omhoogkomt.

Stichting Babybank Friesland Gezinnen in Fryslân die het financieel moeilijk hebben, kunnen terecht bij Stichting Babybank Friesland (www.babybankfriesland.nl). Stichting Babybank Friesland zamelt babykleertjes en andere benodigdheden in voor gezinnen die dat hard nodig hebben. De spullen komen binnen via donaties en na gebruik door de kwetsbare gezinnen komen ze terug bij de babybank voor hergebruik. Zo gaat er niets verloren en krijgt elke pasgeborene een eerlijke kans. Spullen doneren? Kijk op facebook.com/BabybankFriesland voor de inzameldagen.

10

11

Myn poppeboek – Witst wol hoe mâl ik mei dy bin Yn dit Witst wol hoe mâl ik mei dy bin? poppeboek kinst allegear oantinkens kwyt oan de earste jierren fan dyn poppe. Mei romte foar dyn eigen foto’s, notysjes, gedachten en emoasjes en spesjale sluven foar bygelyks it bertekaartsje en in hierlokje. In prachtich oantinken foar letter. Foar € 14,95 te krijen yn de boekhannel of online te bestellen fia websjop.afuk.nl.


Hoe om te gean mei

stranger danger Marrit de Schiffart

Hoe fertelsto dyn bern dat net alle minsken te fertrouwen binne sûnder datst se fuort bang makkest? Net, sa seit paedagooch Afke Nynke Elting-Dijkstra. Yn stee dêrfan learst dyn bern te fertrouwen op syn of har inerlike kompas, sadat se fansels oanfiele wannear’t immen te fier giet. Maklik sein, mar hoe soargje ik derfoar dat myn bern dat inerlike kompas ûntwikkelet?


De dei dat har dochter achterneisitten waard troch in frjemde man, sil Miranda Sijbesma net gau ferjitte. ‘Us famke wie 12 jier doe’t se op de kemping achterfolge waard troch in man. Doe’t hy mar net fuortgong, fertroude se it net. Se rôp om help en fytste hurd fuort. Se gie op har ynstinkt ôf en dat wie gelokkich goed.’ Miranda har ferhaal is in moai foarbyld fan in goed ûntwikkele inerlik kompas, stelt Afke Nynke. Yn har wurk as pedagoge by Cedin komt dat inerlike kompas faak foarby. ‘Ast bern learst te fertrouwen op harsels en neitinke litst oer wêrom’t se dingen wol of net dogge, fiele se fansels oan oft dingen wol of net klopje. Uteinlik giet it derom dat se net bang binne foar de grutte wrâld, mar har wol bewust binne fan eventuele gefaren.’ Dy gefaren komme trouwens hast noait fan frjemde minsken. As der wat bart, dan blike it faak bekenden te wêzen, bygelyks de fuotbaltrainer of in famyljefreon.

‘ Uteinlik giet it derom dat bern net bang binne foar de grutte wrâld, mar har wol bewust binne fan eventuele gefaren.’ Inerlik kompas, fan 0 oant 12 It foarmjen fan in inerlik kompas begjint al by lytse poppen. As poppen in goede bân opbouwe mei heit en mem jout dat fertrouwen; it earste begjin fan in inerlik ik. Hoe’tst foar in goede hechting soargest? Afke Nynke: ‘Troch beskikber te wêzen, sawol passyf as aktyf. As der wat is, dan binne heit en mem der foar my. Dat gefoel moatte bern hawwe. Dan doare se de wrâld yn te gean en binne se net fuortendaliks bang.’ It inerlike kompas wurdt fierder ûntwikkele troch selsfertrouwen. As bern âlder wurde is it dus belangryk datst se hieltyd mear sels dwaan litst. Lear se de feardichheden oan dêr’t se de wrâld mei yn kinne. ‘Dat begjint lyts, in pjut kinst

12

13

bygelyks freegje om wat út ’e kast te pakken of allinne nei boppen ta te rinnen (fansels stiesto de earste kear stikem ûnder oan ’e trep te lústerjen). Dêrnei fregest oft hy of sy de brievebus leegje kin. Wer in stap fierder is boadskipje en allinne nei skoalle ta fytse. Sa wurdt de wrâld hieltyd grutter en leare bern mear en mear op harrensels te fertrouwen. Fansels is it per bern ferskillend hoe’t je dat oanpakke, sjoch foaral nei wat dyn bern oankin en folgje dêrby dyn eigen inerlike kompas.’

‘ Bern ferjitte dyn wurden, mar net it gefoel datsto harren meijoust.’ As bern twa jier âld binne, kinst sa no en dan al kontoeren fan in inerlik kompas werkenne, fertelt Afke Nynke. ‘In sinjaal is bygelyks as omke net in tút krijt by it ôfskied. It bern wol dat net; der is wat dat him of har tsjinhâldt. As mem ha je dan al gau de oanstriid om oan te trunen ta dy tút, mar dat is net handich, want dan nimst it inerlike kompas fan dyn bern net serieus. En dat wylst it just sa belangryk is dat dyn pjut syn of har grinzen oanjout. As bern dat leare, dogge se dat letter ek as se yn situaasjes komme dat it echt nedich is.’ Miranda Sijbesma is noch hieltyd bliid dat har dochter op ’e kemping har inerlike kompas folge, sa seit se. ‘Se hie har mobyl ek yn ’e bûse, mar dêr hat se gjin momint oer neitocht. Ik tink dat it altyd sa giet yn panyksituaasjes; it ynstinkt is dan belangriker as in mobyl.’

TIPS Wol dwaan Meitsje basisôfspraken mei dyn bern, bygelyks: • Do meist net mei frjemden meigean of wat fan frjemden oannimme. • Do meist allinne mei bekenden meigean as heit of mem dêr tastimming foar jûn hat (dat jildt ek as it om buorman of beppe giet). • De doar net iependwaan as heit en mem net thús binne. • Altyd earst oan heit of mem freegje ast ergens oars hinne giest as ôfsprutsen.

• Fertel ek wêrom’tst dy ôfspraken • •

makkest: heit en mem wolle gewoan altyd witte wêr’tsto bist. Jou it goede foarbyld. Fertrou op dyn eigen inerlike kompas ynpleats fan datst dy liede litst troch eangst. Ast sa libbest, learst dyn bern om itselde te dwaan. Jou dyn bern it gefoel datst him fertroust, want allinne dan kin hy ek op himsels fertrouwe. Belangryk: fertrouwen jaan is loslitte!

Net dwaan In offisjeel gesprek oangean wêryn’tst fertelst dat net alle minsken te fertrouwen binne. As dyn bern der sels oer begjint, giest it petear fansels wol oan. Jou ek dan fertrouwen, fertel wat hy/sy yn sokke situaasjes dwaan moat (fuortdrave, om help roppe of de plysje belje). Stel dyn bern gerêst: de kâns dat soks barre sil is hiel lyts en as it bart witsto watsto dwaan moatst. De eangst regearje litte. Brûk bygelyks net letterlik de wurden ‘bernelokkers’ of ‘enge mannen’, mar hâld it lyts. Printeboeken lykas Met jou ga ik echt niet mee lêze. Dan makkest der in ‘ding’ fan en dat jout bern gjin fertrouwen.

• •


WAT NIJS Kreatyf op syn Frysk! Meisto graach nifelje? Der binne no stimpels mei Fryske teksten foar bygelyks it meitsjen fan kaartsjes. Mar ek snijmallen yn de foarm fan pompeblêden. Sjoch op www.baduhenna.frl foar mear ynformaasje of bestel se fia websjop.afuk.nl.

Flamingo Jolien en Lilian út Teridzert ferkeapje yn harren webwinkel www.lieffeling.nl dizze prachtige rôze flamingo foar oan de muorre. De flamingo is 17 sm breed en 42 sm heech en makke fan wolfilt. Hartstikke leuk foar op in famkeskeammerke. € 59,95

Wy geane hjoed op bearejacht Made by Doutz
 Doutzen út Gytsjerk makket frouljus-, manljus- en berneklean op bestelling. Do sikest sels in moai stofke en model út. Dan joust de maat troch en Doutzen makket der wat moais fan! Sa kin elkenien foar him- of harsels in kleanstik meitsje litte dêr’t meastal net in twadden fan is. Sjoch op www.doutz.eu foar mear ynformaasje.

It kartonboekje ‘Wy geane hjoed op bearejacht’ is in oersetting fan in hast klassyk te neamen printeboek, wêryn’t heit, mei syn fjouwer bern, allerhanne swierrichheden lykas blabze, wetter, in sniestoarm en it tsjustere bosk oerwint op jacht nei de bear. Mar dan is der de konfrontaasje mei de bear en witte se net hoe gau’t se weromfleane moatte nei hûs. In hearlik boekje mei moaie yllustraasjes yn in hânsum formaat. It is geskikt foar bern fan 3 oant en mei 6 jier. Foar € 9,95 te bestellen fia websjop.afuk.nl.

Zoals het klokje thuis tikt… Jildau Huizinga uit Damwâld maakt klokken, waaronder deze prachtige kinderklokken voor op de kinderkamer. Je kunt ook zelf een klok ontwerpen door een afbeelding te uploaden. € 29,95 Kijk op www.dutchsprinkles.nl voor het hele assortiment.


Te lêzen op www.heitenmem.nl Maitiid Spesjaal foar heiten en memmen, pjutteboartersplakken, skoallen, bernedeiferbliuwen en gastâlders stean op www.heitenmem.nl Frysktalige platen dy’t jimme sels útprintsje kinne. Leuk foar yn in listje of om sa op te hingjen. Wy ha platen mei alderhanne tema’s, sa as bygelyks hjerst, maitiid, peaske, bisten, sifers en memmedei. Sjoch op heitenmem.nl by ‘Fryske printables’.

3 trije

fleurich Peaske

ko

Fryske apps Wisto wol dat der in hiele protte fantastyske Fryske apps foar bern binne? En dat de measten ek noch fergees binne? Wat tochtst fan ‘Hantsjes yn ’e hichte’ of ‘It grutte foarlêsboek’? Sjoch op heitenmem.nl by ‘Fryske apps’ foar it komplete oersjoch. US Lân fan Taal is in game oer Ljouwert dy'tst op dyn iPhone of Androïd-tillefoan spylje kinst. De game is beskikber yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk.

Resinsjes oer Fryske berneboeken Wolst ris in Frysk berneboek kado jaan, mar hast der gjin flau idee fan wat no echt in moai boek is? Op heitenmem.nl skriuwe wy resinsjes fan Fryske berneboeken. Sjoch op www.heitenmem.nl en klik op ‘Resinsjes Fryske berneboeken’. Dêr kinst se allegear op leeftiid fine.

14

15

Fryske gedichten Fryske bertegedichten of oare teksten foar op in bertekaartsje, routeksten, trouteksten en sels poesyalbumferskes binne te finen op www.heitenmem.nl.


meartalige

Us eigen Sjors en Sjimmy

Yesper Papma (8) en Mishano Henze (9) binne beste freonen sûnt Mishano yn 2015 nei Hallum ferhuze en presys njonken Yesper kaam te wenjen. Mishano komt út Súd-Afrika en syn memmetaal is Ingelsk. Yesper praat Frysk, en ûnderling prate beide freonen Nederlânsk. As Yesper der in pear wurden Frysk trochhinne smyt is dat foar Mishano gjin probleem. ‘It is fan it begjin ôf dikke mik tusken dy twa’, fertelt mem Hendrika. ‘Se sitte elk op in oare skoalle mar wykeins binne sy faak tegearre. Dan tikket de iene eefkes op it rút en komt de oare ta de doar út. Sy boartsje bûten op ’e trampoline of op ’e dyk en kinne dan folslein opgean yn har eigen fantasijwrâld. Mishano’s lytse suske Ne’ila en Yesper syn broerke Ingmar sykje inoar ek regelmjittich op. Sa is der in waarme freonskip ûntstien tusken de beide famyljes.


freonskippen Happy together Else Veltman (5) en Voirrey Carter (6) binne freondinnen sûnt 2014. Else en Voirrey learden inoar kennen op de pjutte-opfang yn Cambridge. Sy hienen fuort in klik doe’t sy allebeide in pearse legging oan hienen. Else is no alwer twa jier yn Nederlân. No’t beide famkes skriuwe kinne, gean der aansichtkaartsjes hinne en wer mei de ôfstjoerder derop. Yn novimber 2017 hawwe se inoar wer troffen. It wie spannend hoe’t de famkes kommunisearje soenen. Mem Marjon fertelt: ‘Earst gongen sy tsjin inoar oer stean en beseagen se elkoar ris goed, sûnder wat te sizzen. Dêrnei begûnen se inoar nei te dwaan, as wiene sy inoars spegelbyld. It wie fuort wer goed. Else koe it Ingelsk noch prima ferstean en it praten gie hieltyd better. Eins wiene se fuort wer hielendal “happy together”.’

16

17


Natuurmuseum Fryslân te zien t/m 2 september 2018 hetnatuurmuseum.nl

he t gr ot e gru t to t he a t e r Stichting Van Klooster

Elke dag een mooie dag! • kinderopvang • buitenschoolse opvang • peuteropvang • gastouderopvang U vindt ons op verschillende locaties in de gemeenten Heerenveen, Opsterland, Tytsjerksteradiel, Súdwest Fryslân, Harlingen en Smallingerland. T 0513 - 610 825 M info@kinderwoud.nl

kinderwoud.nl

Ontdek Leeuwarden / Ljouwert / Liwwadden

Gean op aventoer yn Ljouwert. Ontdek interessante dingen door anders te kijken. Leeftijd: 6-12 jaar Kosten: € 5,Te keap by: Paviljoen Liwwadders yn Lân fan Taal

KR A A M Z OR G D I E B E VA L T ! KLEIN S C H ALIG By the w do try ay: this at hom e!

P ER S OON LIJ K B E T R O K K E N

WWW.ZORGBURODEDRIEHOEK.NL


SKUON

Paul van Dijk is skriuwer, yllustrator en makket graach muzyk. Hy hat in oantal Fryske berneboeken skreaun en is heit fan soan Hidde. www.paulvandijk.frl Paul syn nijste boek is de dichtbondel 'famke fan snie'.

18

19

Der binne in pear dagen yn ’e wike dat ik myn soan nei it pjutteboartersplak bring. Myn frou is dan al fuort. Op dy dagen gean ik der sels ier en betiid ôf om yn in skimerich hûs in kop tee te drinken, wat te prakkesearjen en even te dûsen. Dêrnei helje ik myn soan fan bêd en meitsje him klear foar wer in nije dei. Dat slagge oant in pear wike ferlyn hartstikke bêst. Mar doe feroare der wat. Myn soan hie blykber ûnderwylst in spesjale radar foar bewegingen fan syn âlders ûntwikkele. Sadree’t er myn fuotstappen op ’e oerloop heart ropt er: ‘Heit?’ of ‘Hallo?’. Sûnt dy tiid gean we der tegearre ôf. It moarnsritueel begjint dan fuortdaliks: earst even tv sjen, even pisje, wat ite, dêrnei waskje, hierkjimme, toskepoetse en dêrnei de jas oan, de tas mei en dan op paad. It is de keunst om dy dingen binnen de beheinde tiid dy’t der is allegear te dwaan. Want ûndertusken miteret der in glês drinken om, wurdt der yn ’e broek plast, poept en – as it tsjinsit – noch in kear yn ’e broek plast. Dat is allegear net sa slim fansels. Mar der is ien ding dêr’t ik hiel min oer kin moarns betiid: as ik eat net fine kin. Dat hie ik ferline wike. We wienen hast klear om de doar út te stappen, doe’t ik my ôffrege wêr’t dy jonge syn skuon wienen. ‘Witsto wêr’t de skuon binne?’ frege ik myn soan. ‘Nee.’ Rêstich bliuwe, Van Dyk, sei ik tsjin mysels. Mar dat slagge net, wy wienen al wat oan ’e lette kant. Gysten stode ik it hûs troch. De keamer, de gong, de bykeuken, ik helle alles oer de kop. Gjin skuon. No, dan earst mar toskepoetse. Mar dat wie myn soan net fan plan. Hy draafde de gong yn en nei in djippe sucht draafde ik achter him oan. Wat is dat dochs mei trijejierrigen? As ik opsjitte wol, giet hy langsum. Wol ik dat er op bêd giet, dan wol hy noch even op de bank springe. As ik toskepoetse wol, wol hy ferstopperke dwaan. Ik draafde achter him oan, tilde him op en rûn mei him nei de keuken. ‘Wêrom moat ik toskepoetse, heit?’ It jonkje seach my mei glinsterjende eagen oan. Ik koe gjin oar antwurd betinke as: ‘Om’t tigers dat ek moatte.’ ‘Mar… ik bin dochs gjin tiger?’ Even pauze. ‘Nee? Ik oars wol. GRAAAAARRRRR!’ We wikselen in blik, de jonge frege him ôf hokfoar ûnnoazelsma er foar him hie en drukte doe syn gesicht tsjin my oan. Ik joech him in tút. Dit soe einliks ek by it moarnsritueel moatte, betocht ik my. In bytsje tiid foar flauwekul. En de skuon? Dy haw ik fûn. Se leinen ûnder in stoel. ‘Hoe komme dy dêr no?’ sei ik, mear tsjin mysels as tsjin myn soan. ‘Ferstoppe!’ sei er mei in glimke. En hy die de hannen mei in ‘tadaa!’-beweging omheech. Jûns fertelde er grutsk tsjin syn mem dat er sa goed ferstopje koe dat sels heit syn skuon net fine koe. Ik die krekt oft ik it net hearde.


Dieuwke van der MeerPosthumus is 36 jier en hjir 25 wike yn ferwachting. Foar Dieuwke en har man Raymond van der Meer wurdt it harren twadde berntsje.


‘Wy hawwe al in prachtige dochter, Maaike, sy is no 5,5 jier. Dat wy no wer in poppe ferwachtsje is in grut geskink, wy binne sa tankber. De swangerskip giet hiel goed, ik fielmy prima en mei it berntsje giet it ek goed!

Ik help oare gesinnen om guod yn ’e hús te minimalisearjen. En no mei dizze swangerskip set ik dy trend troch: allinnich wat de poppe echt nedich hat komt it hûs yn.

Ik sit wol wat minder op in rôze wolk as mei myn earste swangerskip. Ik bin wat minder nayf. Ik wit no hoe’t in befalling gean kin. Dêrneist pas ik no folle better op mysels. Ik fitness noch altyd twa kear yn de wike en ik bin fan doel om dat salang as mooglik fol te hâlden. Ek nei de befalling wol ik it graach gau wer oppakke.

Mei Maaike wisten wy fan tefoaren net wat it wurde soe. Al hie ik doe wol hiel sterk it gefoel dat it in famke wurde soe, en dat foargefoel kaam út! Dizze kear witte wy wol wat it wurdt. Wy ha dêr wol echt even in momintsje fan makke. Mei de pakes en beppes hiene wy in cupcakefeestje; de folling liet sjen oft it in jonkje of in famke wie. Myn gefoel kloppe dizze kear wer: wy krije in jonkje!’

Nei myn earste befalling siet ik net goed yn myn fel. Om wer grip te krijen op de situaasje woe ik rêst om my hinne ha. Ik bin doe yn oanrekking kaam mei it minimalisme, dat hat myn eagen iepene: wy hawwe sa’n soad guod dat wy hielendal net nedich hawwe! Ik wie sa entûsjast dat ik myn eigen website opstarten ha.

28 febrewaris waarden Dieuwke en en har man Raymond de grutske âlders fan Jilles Hylke. Wolst witte hoe't de befalling fan Dieuwke gien is en hoe't de poppe derút sjocht? Gean nei www.heitenmem.nl foar it ferfolch!

Bisto yn ferwachting en wolst ek meidwaan oan dizze rubryk? Mail in foto fan dysels mei in koart ferhaaltsje derby nei ynfo@heitenmem.nl

20

21

Wendy de Jong

Allinnich wat de poppe echt nedich hat komt it hûs yn


Doe’t wy op de buorkerij oankamen rûkte ús dochter fan 2 de kij al en sei: ‘Oh mem, ik ha in ko yn ’e noas!’

BERNEPRAATSJES Hat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei ynfo@heitenmem.nl.

Hidde (2): ‘Mem, wêr is de poffertsjesâlt?’ (poeiersûker)

Mem seit tsjin Imre (2) dat se no echt op bêd moat, want it wurdt bûten sels al tsjuster. Dêr wit Imre wol in

Mem seit tsjin

oplossing foar. ‘Dan dogge wy it ljocht

Thyme (5): ‘Bist

dochs oan!’

in bytsje min?’ Thyme: ‘Ja, mar ik bin ek in bytsje plus hear!’

Marije (8) en Lienke (8) fytse lâns in boerd dêr’t Jelle B op stiet. Lienke: ‘Hee, Jelle B., kensto dy?’ Marije: ‘Is dat net de broer fan Ali B.’? Lienke: ‘Ja, dat leau ik al.’

As Lotta (3) har lytse broerke genôch drinken hân hat by mem seit Lotta: ‘Gau it blûske ticht mem!’ ‘Wêrom dat?’ freget mem. ‘Oars wurdt de molke kâld!’

Marc (4) sjocht in trekker riden en allegear mannen yn it lân. Hy wit wol wêrom. ‘Sjoch mem, dêr binne se griente oan it fangen!’

Bente (3) rint mei har mem troch it bosk en ûntdekt allegear hoefspoaren yn it sân. ‘Sjoch mem, in stempel fan in hynder!’

22

23


Deropút mei Fan 31 maart o/m 27 oktober

fergees Tagong

15 sneonen mei heit&mem-aktiviteiten yn Lân fan taal ‘Deropút mei heit&mem’ is in rige fan 15 sneonen mei in spesjaal programma foar bern fan 0-12 jier en harren heiten en memmen, pakes en beppes, broerkes, suskes, tantes, omkes ... gewoan, foar de hiele famylje! Op dy dagen kinst yn de Taletún fan Lân fan taal yn Ljouwert skriuwers, muzikanten en oare artysten tsjin it liif rinne of dochst mei oan taalwurkwinkels en allerhanne taalaktiviteiten. Doch in dûnske mei Tomke, gean los yn de Scrabble Battle, harkje nei muzyk, sjong mei, belibje teäter, lit dy in moai ferhaal fertelle, gean op de foto, lit dyn DNA efter, gean mei in gids op syk nei nijsgjirrige plakjes yn Ljouwert, beklim de Aldehou, sjoch hoe’t Tomke en Rinze de Kikkert ta libben komme en noch folle mear. Alle kearen binne der wer oare en nije optredens, aktiviteiten en wurkwinkels. Sneon 31 maart is de allerearste ‘deropút mei heit&mem’! Binne jim derby?

‘ Deropút mei heit&mem’ wurdt mei mooglik makke troch bydragen fan Historisch Centrum Leeuwarden – Stichting Fryske Berneopfang – Bibliotheek Service Fryslân – Natuurmuseum Fryslân – Fries Museum – Museumfederatie Fryslân– Tresoar – Omrop Fryslân – Afûk

Wannear Kinst ‘deropút mei heit&mem’ op 31 maart 28 april 5 en 26 maaie 9 juny, 30 juny 21 en 28 july 4, 11, 18 en 25 augustus 1 en 29 septimber 20 en 27 oktober 2018 Lokaasje Prinsetún, Ljouwert Tiid Alle kearen fan 13.00-17.00 oere yn de Taletún by Talepaviljoen MeM. Mear ynformaasje Sjoch foar mear ynformaasje oer de ‘deropút mei heit&mem’-dagen op www.heitenmem.nl/ de-talentun en folgje heit&mem op social media foar it lêste nijs en updates.



eM-Livingroom of languages M Lokale en Europeeske/Europese optredens. Ite/eten en drinken Paviljoen Liwwadders Eksposysjes/Exposities Afûk Fryske boek- en kadowinkel

Natuurmu

Historisch Centrum Leeuwarden Ferhaal fan Leeuwarden/ Verhaal van Leeuwarden Obe Besikerssintrum/Bezoekerscentrum Tinte Deropút mei heit&mem-plein Semafoar/Semafoor Lûden/Geluiden SkyTale Taaltribune Hjir kinsto taal helje en bringe/ Hier kun je taal halen en brengen

S Orakel/SOP Bernefynplak/Kindvindplek Explorer Wall


Wolkom yn de Taletún Fan 30 maart o/m 28 oktober is de Prinsetún yn Ljouwert net in gewoan stedspark, mar in Taletún. Yn de Taletún giest op syk nei taal, boartest mei taal, belibbest taal en makkest taal. Op skoaldagen is der in spesjaal programma foar pjutteboartersplakken en basisskoallen en der binne 15 spesjale ‘deropút mei heit&mem’-dagen. De Taletún is altyd frij tagonklik. Wolkom by Talepaviljoen MeM – Livingroom of Languages Yn it hert fan de Taletún fynst, efter it Historisch Centrum Leeuwarden, in bysûnder (memme)taalpaviljoen yn de foarm fan twa frouljusfigueren: MeM – Livingroom of Languages. MeM is de ‘húskeamer’ fan Lân fan taal. Kom by MeM lâns foar in bakje, in slokje of in hapke en lit dy ferrasse troch taal yn allerhanne ferskiningsfoarmen. Erfaar dat taal mear is as allinne it sprutsen wurd. Alle wiken in oare taal sintraal Alle wiken stiet der by MeM njonken it Frysk in oare taal sintraal. Yn totaal sille goed 30 taalmienskippen út Europa, Nederlân, Fryslân en de stêd Ljouwert ‘acte de présence’ jaan. Alle dielnimmende mienskippen binne om bar in wike by MeM útfanhûs en presintearje allegear op har eigen wize harren taal en kultuer. Op tongersdeitejûnen en sneintemiddeis is der altyd in ferrassend programma fan en mei de taal fan de wike.

Iepeningstiden april, maaie, juny en oktober 2018* Moandei: 12.00-18.00 oere, tiisdei: 12.00-18.00 oere, woansdei: 12.00-21.00 oere, tongersdei: 12.00-23.00 oere, freed: 12.00-18.00 oere, sneon: 9.00-18.00 oere, snein: 10.00-18.00 oere Iepeningstiden july, augustus, septimber 2018* Moandei: 10.00-19.00 oere, tiisdei: 10.00-19.00 oere, woansdei: 10.00-21.00 oere, tongersdei: 10.00-23.00 oere, freed: 10.00-23.00 oere, sneon: 9.00-18.00 oere, snein 9.00-18.00 oere * de iepeningstiden kinne ôfhinklik fan (ekstra) programmearring rommer wêze

Mear witte en op ’e hichte bliuwe Sjoch foar it lêste nijs en updates fan it programma op www.lanfantaal.frl en/of www.afuk.frl en folgje MeM op Facebook en Twitter. De Taletún en Talepaviljoen MeM – Livingroom of Languages binne altyd gratis tagonklik en binne ûnderdiel fan Lân fan taal, LF 2018.


Tine van Knijff-van Hijum

Waarme taksys Krekt fiif jier wurden en de iennige auto dy’t er ken is ús eigen. Mar no rint er hân yn hân mei ús mei nei de taksy dy’t foarhûs klearstiet. Njonken de taksy stiet de sjauffeur dy’t foarige wike by ús oan ’e doar kaam om kennis te meitsjen. Nei in krûp en in tút stapt ús mantsje mei syn grutte tas de lúkse auto yn. Hy hoecht noch net yn sa’n grutte taksybus. Mar dát er yn in taksy moat, dat fine wy al slim genôch. ‘Ik sil goed op him passe hear’, seit de sjauffeur, in âldere man. Hy sjocht dat fansels faker; heiten en memmen mei wiete eagen, dy’t de bern eins net gean litte wolle. It is noch hartstikke betiid, pas in oere letter sjogge we de oare bern út de strjitte foarbydraven. Dy gean pas fan hûs as se de earste bel hearre. Mar ús lytse jonkje sit in oere yn de taksy. Hy

26

27

moat de grutte wrâld yn. In wrâld dêr’t hy folle minder fan snapt as oare bern. It is net earlik. ‘De bern wenne der earder oan as de âlders’, seit de sjauffeur noch. Dan stapt er yn, ús jonkje sjocht net op of om. Wy sjogge wol fansels, oant de taksy de bocht om is. En noch langer. Middeis stean ik, lang foar’t er wer thús ferwachte wurdt, al foar it rút. By elke lúkse auto dy’t oanriden komt makket myn hert in spronkje. Dy earste dei gie bêst. En in soad oare dagen ek. Mar der wienen ek mindere dagen. Doe’t er it jier dêrop wol yn in taksybus moast, mocht er al gau in tablet mei; dat hienen de oare bern ek. Ek dizze sjauffeurs wienen leaf; in echtpear dat om beurten de bern ophelle en thúsbrocht. En op freed wie der snoep yn ’e bus.

Mei ús mantsje gie it dat jier net sa bêst op skoalle. Beide sjauffeurs hâlden him goed yn ’e gaten. ‘Tink derom, hy is net fit hear. Hy seit neat en hy is sa wyt om ’e holle.’ Uteinlik mocht er, nei oardel jier yn ’e taksy, nei skoalle yn ús eigen wenplak. No koenen wy him sels bringe. Wy wikselen kaartsjes én triennen út mei ‘ús’ sjauffeurs. By de skoalle dêr’t er no hinne giet, steane middeis in hiel soad taksybussen; se komme oeral wei. De sjauffeurs binne hiel ferskillend. Ien ropt en raast de bern byinoar dy’t by him yn de bus moatte. Mar der binne ek sjauffeurs dy’t de bern rêstich by de hân pakke en sizze: ‘Kom mar gau mei, by my yn de taksy is it waarm.’ Waarme taksys, dat is in wrâld fan ferskil!


Yn beweging mei Fit & Vaardig

Wendy de Jong / Ciska Noordmans


Bern bewege graach. En dat treft, want bewegen is goed foar elkenien. Mar dat tagelyk bewegen en learen in posityf effekt hat op de learprestaasjes fan bern is noch frij ûnbekend. Mei it lesprogramma ‘Fit & Vaardig’ bewege bern fan groep 4 oant en mei groep 7 trije kear yn ’e wike, wylst se ûndertusken klassikaal staverings(spellings-) en rekkenopdrachtsjes dogge.

28

29



‘ We zien dat beweging goed is voor de kinderen, het verhoogt hun concentratie en motivatie.�

‘Yn Amearika hawwe se op guon skoallen in spesjaal lesprogramma dat him rjochtet op it oanpakken fan obesitas. Dat is dêr in grut probleem, en om soks foar te kommen krije de bern ek beweging ûnder de les. Ut ûndersyk docht bliken dat de learprestaasjes by taal en rekkenjen ferbetterje as dy twa kombinearre wurde. Dat wie it útgongspunt foar fierder ûndersyk nei de positive effekten’, fertelt ûndersykster Marijke Mullender-Wijnsma. It lesprogramma ‘Fit & Vaardig’ is ûntwikkele troch de RUG en rjochtet him op learlingen fan de basisskoalle. ‘De bern krije trije kear yn ’e wike in les fan 30 minuten. 15 minuten dêrfan binne foar rekkenjen en de oare 15 minuten foar taal. De bern dogge ien fêste basisbeweging en as se antwurdzje op in fraach meitsje sy in oare beweging. De bern fiere by de Fit & Vaardig-lessen opdrachtsjes út op it mêd fan stavering en rekkenjen. It is net de bedoeling om se dan neitinke te litten oer hiel yngewikkelde fragen. ‘Wy rjochtsje ús benammen op automatisearringsopdrachten. It giet derom dat de bern konstant bewege ûnder de les. Om’t se konstant bewege, hawwe se in hegere hertslach. Undersyk wiist út dat by in hegere hertslach bepaalde stofkes yn it brein frijkomme en dat der bettere ferbiningen lein wurde tusken de ferskillende breinhelten’, ljochtet Marijke ta. Marijke: ‘Foar’t wy it programma oanbiede koenen, is it earst testen op in oantal skoallen. Wy hawwe doe sjoen oft it helber wie om de lessen yn it klasselokaal te dwaan, en oft it wurke fansels. No’t wy fierder binne mei it ûntwikkeljen fan it

30

31

programma, wurkje de bern mei in app dy’t spesjaal makke is foar it digitale lesboerd. De app is ynteraktyf en hiel maklik yn it gebrûk. De learkrêft hoecht sels net safolle te dwaan, want de twa figuerkes yn de app begeliede de bern. Freddy en Femke Fit binne eins de learkrêften yn dizze lessen. Se lizze út wat de opdracht is en stimulearje de bern om mei te dwaan. Op it boerd binne sy konstant yn beweging en litte se sjen hoe’t de move moat. De bern kinne dus goed sjen wat de bedoeling is en sjogge Freddy en Femke as harren “buddy”. It is hiel praktysk en ús testskoalle fûn it ek hiel leuk om dermei te wurkjen.’ Fit op skoalle OBS De Flambou/Trimbeets yn De Gordyk is ien fan de earste skoallen yn Fryslân dy’t ûnderfining opdocht mei Fit & Vaardig. Direkteur Felix van Ginkel fertelt dat it programma in logysk ferfolch is op de profilearring fan de skoalle: ‘We profileren ons in Gorredijk als een basisschool die sport & lifestyle hoog in het vaandel draagt. Vanaf groep 5 doen we mee aan The Daily Mile, children fit for life: elke dag wordt er een kwartiertje door de wijk gehold. We zien dat beweging goed is voor de kinderen, het verhoogt hun concentratie en de motivatie bij de volgende les. Bovendien krijgen de kinderen buiten nog wat extra zuurstof.’ Mar der bart mear op it mêd fan bewegen bij De Flambou/Trimbeets. Der is in fakdosint gymnastyk en de bern meitsje yn searjes fan seis lessen kennis mei ferskate sporten. Fierder wurdt der tusken de lessen troch gebrûk makke fan energizers. Dat binne leuke spultsjes om de konsintraasje te ferheegjen, bern te aktivearjen of krekt

te ûntspannen. ‘We verwachten dat de uitkomsten van Fit & Vaardig dezelfde zullen zijn als in het rapport “Slim door gym” wordt beschreven’, seit de direkteur. ‘Het is wetenschappelijk nu wel aangetoond dat bewegen een positieve invloed heeft op de leerprestaties.’

‘ We zijn al bijna in level 8, misschien lukt het vandaag!� Yn jannewaris is juf Alja mei groep 4 starten mei Fit & Vaardig. De bern reagearje hiel entûsjast as juf freget wat se derfan fine. De fingers sjitte de loft yn. ‘Hartstikke leuk’, ‘je krijgt een andere sticker als je een nieuwe beweging doet’, ‘we zijn al bijna in level 8, misschien lukt het vandaag wel’, binne in pear fan de reaksjes fan de jonges en famkes. En dan is it safier. De bern gean njonken harren tafel stean, sykje romte yn de klas en juf start it programma. De muzyk nûget út. Op it digiboerd ferskynt Femke, in animaasjefiguerke dat de beweging foardocht, en der ferskine sommen yn byld. ‘Sprongetjes van 10’, motivearret juf Alja har groep. En dêr huppe de bern op en del, wylst se de útkomsten meiroppe: ‘10 – 20 – 30 – ...’. Dêrnei folgje de min-somkes en dan wer in rist wat dregere sommen. Nei in kertier rekkenjen krije de bern de útslach. It gong goed!, seit de kompjûter. ‘Kijk, alweer een nieuwe sticker’, fersuchtet in learling tefreden. Sjoch op de site mear ynformaasje: fitenvaardigopschool.nl


Berneboeken 0-5 jier

De Grutte Griene Grizel As Knyn op in dei nei hûs sil, heart er ynienen in lûde stim. Dy stim komt út syn hol wei: “Ik bin de GRIZEL, GRUT EN GRIEN en ik bin akelich gemien!” Wa soe der yn Knyn syn hol sitte? Julia Donaldson yllustraasjes Helen Oxenbury

€13,95

€ 26,50 0-5 jier Buorman Brombear Bear wennet hielendal allinne op ’e romte en dat befalt him poerbêst. Hy is dan ek net bliid as in kninefamylje in hûs bout nêst dat fan him! Soenen se ea noch freonen wurde? Auteur: Ciara Flood

€ 12,99

Auteur: Annie M.G. Schmidt Yllustraasjes: Fiep Westendorp Oersetting: Ytsje Steen

Jip en Janneke Alle aventoeren fan diel 1 oant en mei 5 fan de ultime beukerfreontsjes Jip en Janneke binne byinoar brocht yn dit boek. Fan ‘Jip en Janneke boartsje tegearre’ oant ‘Dach Jip! Dach Janneke!’. Mei in soad yllustraasjes yn swart-wyt én yn kleur. In moai ynbûn boek fol foarlêswille dat yn gjin inkelde bernekeamer ûntbrekke mei.


Dizze boeken binne û.o. te krijen yn de Fryske boeken kadowinkel fan de Afûk of online te bestellen fia websjop.afuk.nl

€ 14,95 5-8 jier

Sirkus PeM en de ûlewapper

€ 12,95

Tije Tije mei graach bûten by de buorlju op de pleats boartsje. Mar no moat er ferhúzje nei de stêd en dêr sjocht er bot tsjinoan. Soed er dêr wol freonen krije? En hoe soe it op skoalle gean? Yn ’e stêd krijt Tije in hiel bysûndere freon, mar oft dat helpt... In boek oer in plakje fine yn in nije omjouwing. Mei prachtige yllustraasjes fan de skriuwster sels.

Auteur: Mirjam van Houten

Pier en Marieke wenje neistelkoar. Se binne beide acht jier en dikke maatsjes. Ferfele dogge se harren noait. Se ha fantasy genôch en fine alle kearen wer wat nijs út. Op in dei sette se sels in hiele sirkusfoarstelling op tou – al giet net alles sa’t se it bedoeld ha. Dy goeie bedoelingen pakke wol faker ferkeard út by harren brike aventoeren. Mar al hoe mâl oft it soms ek giet, meastal rint it dochs noch goed ôf. Teminsten … foar Pier en Marieke.

Auteur: Mindert Wijnstra yllustraasjes: Babs Wijnstra

8-12 jier De GFR

€ 17,50

Al dy oare reuzen haffelt alle jûnen minskbrokkels, mar ik net! Ik ist de iennichste leave en goeierige reus yn Reuzelân! Ik ist de GRUTTE FREONLIKE REUS! Ik ist de GFR. Wa bisto?’ ‘Ik bin Sofie,’ sei Sofie. De GFR. Wa ken ’m net? Mei syn krûmpraterij, syn fripsdrippers en snoaskommers, syn dreamfangerij, mei syn njoggen minskfrettende buormanreuzen én de lytse Sofie, dy’t pardoes yn de reuzewrâld fan de GFR bedarret, hat de Grutte Freonlike Reus de herten fan miljoenen bern én folwoeksenen oer de hiele wrâld stellen.

32

33

Auteur: Roald Dahl Yllustraasjes: Hilda Groenesteyn Oersetting: Martsje de Jong

Heksegrytta Oan it begjin fan it lêste jier op de basisskoalle komt der in nij famke yn de klasse: Annemoon. Alle bern út de klasse wolle graach freonen mei har wêze, mar Grytta en Bauke fine har mar frjemd. Oarsom fynt Annemoon Grytta ek in nuverenien. Daliks al, as se it lokaal ynstapt. It is krekt as sjocht Grytta dwers troch har hinne… Soe Grytta, lykas har beppe, bysûndere krêften hawwe? Heksegrytta is in ferhaal oer freonskip en oer hoe’tsto dy in hâlding joust yn in klasse dêr’t nimmen dy ken. Soms dochst eat wat ferkeard útpakt en barre der dingen dy’tst fan tefoaren noait betinke koest.

€ 15,00

Auteur: Hanneke de Jong


Tine van Knijff-van Hijum

HCFS:

Als je baby een pijnlijke nek heeft

De nekwervels van baby’s zijn nog week en in de hoog-cervicale gewrichtjes kunnen problemen optreden, dat wordt een Hoog Cervicale Functie Stoornis (HCFS) genoemd. Manueel therapeut Erik Visser van TIGRA in Leeuwarden is gespecialiseerd in het behandelen hiervan.


Erik Verdoorn, papa van Laurie: ‘Wij werden door het consultatiebureau doorverwezen. Laurie – toen drie maanden oud – had een voorkeurshouding bij het slapen en als gevolg daarvan een enigszins afgeplat hoofdje. Erik kon HCFS uitsluiten en verwees ons door naar een kinderfysiotherapeut. Die gaf tips om Laurie te stimuleren haar voorkeurshouding los te laten. Nu gaat Laurie niet meer steeds dezelfde kant op liggen met haar hoofdje. Wat we andere ouders die HCFS vermoeden aanraden? Geef het aan bij het consultatiebureau en laat je doorverwijzen naar een specialist.’

Erik vertelt: ‘HCFS kan ontstaan doordat de baby bijvoorbeeld tijdens de zwangerschap steeds in een bepaalde houding in de baarmoeder ligt, of door een lichamelijk zware bevalling waarbij de nekwervels geforceerd worden. Baby’s met nekklachten hebben elke keer als ze bewegen pijn. Daardoor zijn ze niet op hun gemak, huilen ze veel en slapen ze slecht. Baby’s kunnen heel onrustig worden van dat vervelende gevoel in hun nek, ze overstrekken hun hele lijfje en bewegen hun armen en benen asymmetrisch. Sommige baby’s geven veel over, of hebben een sterke voorkeurshouding: ze draaien hun hoofdje steeds naar één kant. Daardoor wordt het hoofdje scheef. Gelukkig trekt dat snel bij na behandeling, áls het door HCFS komt en ik het kan behandelen. Neem de tijd Ouders komen vaak bij mij terecht via de verloskundigenpraktijk of het consultatiebureau, maar ook nadat ze op internet hebben gezocht of via mond-totmondreclame. De eerste zes weken na de geboorte moet je het overigens altijd even “aanzien”; het kindje is dan nog zo jong, is in feite nog maar net geboren. Je mag gerust de tijd nemen om je baby te laten wennen aan

34

35

het “in deze wereld zijn”, ook al gaat dat met veel onrust gepaard. Als ouders met een baby bij mij komen, vraag ik hoe de zwangerschap, de bevalling en de eerste weken zijn verlopen. Ik hoor de klachten aan en doe een lichamelijk onderzoek om erachter te komen of er een functiebeperking in het nekje is of niet. Ook als die er niet is, is de komst van de ouders en baby waardevol: ik kan een stuk onzekerheid bij de ouders wegnemen en hen vertrouwen teruggeven. Als ze weten dat het geen HCFS is, kunnen ze dat “wegstrepen” en verder zoeken. Maar er is niet altijd een oorzaak te vinden voor onrust bij een baby. Subtiele behandeling Ik zie baby’s graag in de periode tussen zes weken oud en het moment dat ze voor het eerst gaan zitten. De wervelkolom van een baby ziet er net zo uit als bij een volwassene, maar dan veel kleiner. Ook is de wervelkolom nog niet onderhevig aan de zwaartekracht; baby’s liggen veel. Pas als baby’s hun hoofd gaan optillen, raakt de wervelkolom gewend aan de zwaartekracht. Dus als ze gaan zitten, heeft dat veel impact op de gewrichten. Het is het mooiste als ik een kindje heb kunnen behandelen voordat die fase is aangebroken.

Familie Heidinga, ouders van Nella: ‘Nella had al lange tijd ergens last van; ze protesteerde erg. We lazen op internet een artikel over HCFS, veel van de symptomen deden zich ook bij onze kleine meid voor. Om zekerheid te krijgen zijn we naar de manueel therapeut gegaan. Erik heeft de ruggengraat van Nella onderzocht en geen afwijkingen gevonden. Wij waren er erg blij mee, Nella liet duidelijk merken dat ze liever in haar warme Maxi-Cosi was blijven slapen. Als je het vermoeden hebt dat je kindje HCFS of wat dan ook heeft, aarzel niet om een specialist te raadplegen.’

De behandeling zelf is heel subtiel. Ik heb een skeletje in mijn behandelkamer staan waarmee ik kan laten zien waar de wervels precies zitten. Aan de hand daarvan leg ik uit wat ik ga doen. Ik ga op de behandeltafel zitten, het kindje ligt voor me en de ouders staan ernaast; zij kunnen dus alles zien. Gewrichtjes bewegen Ik doe een lichamelijk onderzoek naar de hoog-cervicale functie: vind ik wel of niet dat er een gewrichtsbeperking is? Als dat wel zo is, doe ik mobilisaties met mijn vingertoppen: ik beweeg de gewrichtjes heel voorzichtig en stuur ze in de richting waarin ze moeten bewegen. Vaak is het in drie of vier behandelingen opgelost. Bij baby’s werkt alles nog op reflex, bij hen is heel duidelijk te zien waar het vastzit. Als de functiebeperking is opgelost, is het ook klaar. Baby en ouders hoeven niet meer terug te komen. Je merkt dan dat het hele gezin opgelucht is. Ik ben altijd blij als ik die rust heb kunnen brengen. En ook als het geen HCFS is, dat ik de ouders wel heb kunnen geruststellen.’


Ik jou dy myn nier Marieke Vinckers


‘Ik vind het niet zo gek dat je haast niet meer kunt ademen als je ligt, je bent jezelf namelijk aan het verdrinken. Je nieren werken niet goed en daardoor blijft al het vocht in je lichaam.’ De nierspesjalist joech Esther plaspillen en binnen in pear oeren hie sy sechstjin liter urine útpisse. Dêrmei wie se nei de befalling fan de tredde direkt ek sechstjin kilo lichter. Har dochterke Vajèn koe Esther op dat momint net fêsthâlde. Se wie bot sloopt. It die bliken dat se in tige seldsume niersykte hie. Nei fiif jier mei in abonnemint op it sikehûs, kaam yn 2017 de ferlossing: har sweager Hans skonk Esther syn nier.

Acht wiken wie Esther van der Sluis yn ferwachting doe’t se derachter kaam dat se siik wie. Wat der oan ’e hân wie, dat wist se doe noch net. Der sieten tefolle aaiwiten yn ’e urine en har fingers waarden hiel dik. Swangerskipsfergiftiging koe it net wêze, dêrfoar wie de swangerskip noch te pril. Ut de nierpunksje dy’t dêrnei dien waard, kaam net direkt resultaat. It devys: de swangerskip útsitte en dêrnei wer opnij ûndersyk. No, dat waard in swiere put. Letterlik, want Esther hold in soad focht fêst. It siet allegear efter har longen. Nei de befalling wie har bloeddruk 200/120 (normale druk: 120/80). Gong se lizzen, dan like it krekt of stikte se stadich. Al dat focht kaam derút, troch de pillen dy’t de spesjalist har joech. Dat wie it begjin fan in lange perioade fan sikehûsbesites yn Snits, Ljouwert en Grins. Vajèn, no fiif jier âld, siet faak by har mem op it bêd, wylst Esther dialysearre waard. By it dialysearjen kriget de pasjint in dikke iepen nulle yn de earm, wêrmei’t it bloed út it lichem helle wurdt. Dêrnei wurdt dat, sûnder ôffalstoffen, wer yn ’e ieren werombrocht. ‘Het leven stond wel op z’n kop ja’, fertelt Esther frij drûch. Foar immen dy’t yn 2012 as mem fan twa sûne bern (soan Lars is no 16 jier, dochter Quincy 13 jier) en mei in baan yn de thússoarch noch in soargeleas libbentsje hie, sit Esther der no wûnderbaarlik rêstich by, nei alles wat se meimakke hat. Seldsum Yn it begjin krige se gemokueren om de sykte te ‘ûnderdrukken’. Tagelyk mei dy kueren

36

37

krige se hege doasissen Prednison. ‘Geen fijne combinatie’, neamt se dat. It holp in skoftsje, mar ta beslút kaam de sykte dochs werom en fan dat momint ôf gie it by de berch del. Dialysearjen wie needsaak. Yn Nederlân binne der njonken Esther mar twa oare minsken dy’t ek Fibrillaire Chromulone Vitritis hawwe. Seldsum dus. Gewoan boartsje De bywurkingen fan alle medikaasje, alle kearen dat it dialysearjen net slagge om’t de shunt ferstoppe rekke; Esther fertelt it as lêst se in boek foar. It is bard. Se wie derby. Se ûndergie it. En se gie troch mei har libben. Der wie nammentlik in lyts famke, Vajèn neamd, dy’t der gjin boadskip oan hie dat har mem siik wie. Dat famke woe lykas elk oar bern leafde ûntfange en gewoan boartsje. Net dat Esther mei har dochterke boartsje koe, want in kuierke nei de boarterstún wie eins al tefolle. As se nei in pretpark giene mei de bern, dan siet Esther yn in rolstoel. Op de muorre yn de wenkeamer is te lêzen: There is always a reason to smile. ‘Ik denk dat alleen de mensen die ertegen kunnen, zulke zware dingen op hun bord krijgen. De kinderen zijn al die jaren zo flexibel geweest. Ze wisten niet beter dan dat hun mama vaak naar het ziekenhuis moest. En nu hoeft dat niet meer, want mama heeft een nieuwe nier.’ Foar Peter wie it heftich, al hat er dat ûnder it proses mar selden fernimme litten. Hy hie trije bern om foar te soargjen, in frou dy’t graach besite woe yn it sikehûs en ûnderwilens moast hy gewoan nei syn wurk.

Niertransplantaasje It wie Hans, de broer fan Peter, dy’t Esther syn nier skonk. Esther: ‘Er kwam een moment dat er geen plek in mijn lichaam meer was waar we konden dialyseren en dan gaat het hard achteruit.’ Hans: ‘It spile natuerlik al in hiele tiid. No koe ik einlik wat taastbers dwaan.’ De transplantaasje stiet bekend as in hiel swiere operaasje. Gek genôch fielde Hans him prima doe’t hy wekker waard. Njonken in aspiryntsje hat hy fierder gjin pynstillers nommen. ‘Ik ha ek nea field dat ik in nier mis. Nee, as it koe soe ik it sa wer dwaan!’ Nije enerzjy Wa’t wol fielt dat se in nije nier hat, is Esther. Fan it momint ôf dat sy Hans syn nier draacht, fielt se har better, enerzjiker. Fansels wie der earst de eangst oft it lichem de nije nier net ôfstjittte soe, dat kin ommers. ‘En ik heb ook wel eens de angst dat de ziekte terugkomt, maar dan denk ik: dat heeft gewoon geen zin. Ik leef nu. Met de nier van mijn zwager. Mijn dankbaarheid daarover kan ik haast niet uiten, het is zó speciaal, dat is niet te beschrijven.’ Op ’e fraach wêr’t se it meast bliid mei is, ropt se alderearst, laitsjend: ‘Dat ik weer gewoon zelf kan plassen!’ En dêrnei seit se: ‘Dat ik mijn vrijheid terug heb. Ik hoef niet meer drie keer per week vier uren aan de dialyse. Ik heb weer energie om dingen te ondernemen. Ik kan weer meedoen met de kinderen. We kunnen samen op pad, dat is echt heel fijn.’


advertentie ADVertentie

Advertentie 8

De byb is foar dy! De bibliotheek is er voor iedereen vanaf 0 jaar! In de Friese bibliotheken haal je keer op keer nieuwe (voorlees)boeken en doe je mee aan de leukste activiteiten. Online leen je onder andere e-books, vind je animaties voor je werkstuk en ontdek je fijne luisterboeken. Kom langs en word meteen gratis lid! Oant sjen by yn ien fan de Fryske biblioteken!


Tekst en yllustraasje Mirjam van Houten

Beppe breidet Beppe breidet Truien, mûtsen, wanten, sokken, wollen broeken, wollen rokken. Beppe breidet Beppe breidet Waarme klean foar alle bern, tûzen kilometer jern. Beppe breidet Beppe breidet Nearne op de hiele wrâld hat in berntsje it noch kâld. Beppe breidet Beppe breidet Bergen klean hat se al breide. Mar wat stiet dêr yn ’e greide Fan ’e kjeld sa blau en read? Beppe breidet Beppe breidet alle, álle skiepkes bleat!


Hingje net alle klean op deselde kapstôk Tsead Bruinja

€ 18,50

2

namme

adres

postkoade

wenplak

e-mailadres

iban

Michelle Samba PAGINA OVER Nynke de Jong

Eelco van der Lingen datum

hântekening

k.nl

de moanne // nûmer 2 // febrewaris 2018

Ja, ik wol graach in (proef)abonnemint op ‘de Moanne’:

2x ‘de Moanne’ foar €10, in jierabonnemint; 7x ‘de Moanne’ foar €40,-

Hjirby machtigje ik ‘de Moanne’ om €10,- foar in proefabonnemint, of €40,- foar in jierabonnemint fan myn rekken ôf te skriuwen:

jiergong 17 // nûmer 2 // febrewaris 2018 // € 6,50

algemien-kultureel opinyblêd

Nim ris in abonnemint op ‘de Moanne’, ít kultureel opinyblêd fan Fryslân! ‘de Moanne’ is in breed en kreatyf poadium foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. ‘de Moanne’ lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. ‘de Moanne’ ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen. ‘de Moanne’ rjochtet har oanbod benammen op de breed oriïntearre lêzer, ynteressearre yn de kultuer en literatuer fan Fryslân, en dy’t foar it measte part djipgong preferearret boppe koartswyl.

mei Trotwaer Jou 'de Moan ne' ek ris kado! F oar mear ynformaasje sjoch ek w w w.demoa nne.nl

In abonnemint op ‘de Moanne’? Folje boppesteand strookje yn en stjoer de machtiging yn in tichte slúf, sûnder postsegel nei: ‘de Moanne’, Antwurdnûmer 5003, 8900 VB Ljouwert Of gean nei: www.demoanne.nl/abonnee-wurde


TE VEEL SPUGEN

Tjalling de Vries (1959) is sinds 1991 algemeen kinderarts in het Medisch Centrum Leeuwarden. Hij is getrouwd en vader van drie kinderen: Fedde (1991), Marga (1995) en Anne (1998).

Bente (6 jaar) ligt suf op de onderzoekstafel. Haar ogen liggen diep en ze reageert nauwelijks. Diarree heeft ze niet, maar ze moet wel erg spugen. Moeder heeft een bakje bij haar gelegd en een handdoek als slab om de kleren te beschermen. Het spugen gaat maar door. Ook heeft Bente hoofdpijn, hele erge hoofdpijn, in het hele hoofd. Ze is wel eens eerder ziek geweest, maar dit heeft ze in al die zes jaren niet meegemaakt. Koorts heeft ze niet, ze hoest niet, de buik doet niet zeer, plassen doet niet zeer. Ze plast weinig, niet veel. Ze voelt zich beroerd en dat spugen, de hele tijd, daar wordt ze zo moe van. Ze sluit haar ogen en suft weg. Ik onderzoek haar: ze heeft geen koorts. De ogen liggen diep, dat vindt moeder ook. De lippen zijn droog en ik vind dat ze wat hijgt. Ze ruikt vreemd, een beetje ‘chemisch’. Als ik op het borstbeen druk, kleurt de huid binnen drie tellen weer normaal. De kin kan op de borst, de oren en keel zijn normaal, de longen klinken goed en de buik voelt ook normaal aan. Het diep liggen van de ogen is een teken van uitdroging. Bente heeft onvoldoende vocht binnengehouden, niet door diarree maar door het spugen. Ze moet wel vocht hebben. Daarom brengen we een infuus in en nemen bloed af. Binnen een kwartier zijn de belangrijkste bloeduitslagen binnen: het bloedsuikergehalte is te laag en er zijn ‘ketonen’. Daarmee is duidelijk wat er aan de hand is: ‘ketotisch braken’. Als iemand onvoldoende suiker binnenkrijgt in een periode van ziek-zijn, haalt het lichaam suiker uit de opgeslagen eiwitten en vetten. Kinderen met ‘ketotisch braken’ krijgen dat niet voor elkaar. Als het bloedsuikergehalte daalt, breken ze meer vet dan eiwitten af. Daarbij ontstaan afvalstoffen, ketonen, die misselijkheid veroorzaken. Daardoor spugen deze kinderen en kunnen ze niet eten of drinken. Dan komen er nog meer ketonen en worden ze nog misselijker. Die ‘ketonen’ geven een wat vreemde, chemische lucht. Precies wat ik bij Bente ruik. De behandeling is simpel: een infuus met voldoende vocht en suiker. Dat geven we dan ook en na een paar uur voelt Bente zich stukken beter. Ze heeft zin in wat eten en drinken. Dat blijft er gelukkig in. Ze voelt zich nog wel slapjes, geen wonder als je een paar dagen niet voldoende binnengekregen hebt. Ik ga nog even bij moeder zitten en geef uitleg over het ontstaan. ‘Wat kan ik haar geven om dit te voorkomen als ze weer ziek wordt?’ vraagt ze. ‘Tja,’ antwoord ik, ‘daar zijn verschillende manieren voor: limonade, thee met veel suiker, of ijsjes.’ Bente, die intussen een kleurplaat inkleurt, kijkt op en roept: ‘Ja, mama, ijsjes!’ Wolst hjir op reagearje? Sykje op 'Te veel spugen' op heitenmem.nl

40

41


Helder kommunisearje

Lytse wurdsjes, in grut ferskil

Klasina van der Werf

Dúdlik kommunisearje mei bern is wichtich. Mar hoe dochst dat eins? En wat binne de falkûlen? Kommunikaasjetrainer Tineke Dijkstra fan de Stichting Kinderopvang Friesland (SKF) en opfiedcoach Sandra Smits út Dokkum jouwe tips.


‘Goed kommunisearje mei bern begjint al mei hoe’tsto dysels fielst. Sitsto lekker yn dyn fel? Dan reagearrest positiver en dan sjocht de dei der al hiel oars út’, seit Tineke, dy’t in grut foarstanner is fan de Gordon-metoade. ‘Dêrby is it belangryk om aktyf te lústerjen en te praten fanút it ik-boadskip. Bygelyks: “Ik sjoch datsto boas bist. Hoe komt dat?” Prate kinst it beste dwaan op ’e hichte fan de bern, wêrby’t je inoar oansjogge. Troch écht te hearren wat in bern seit, fielt it him serieus nommen. Dat is de basis. En it moaie is: de Gordon-metoade is brûkber foar alle minsklike relaasjes.’

‘ Bern kinne hiel goed sels in oplossing betinke, as se de kâns mar krije� Dúdlik wêze As âlder of as liedster kinsto fansels net elk momint klearstean foar in bern. Tineke: ‘Dat hoecht ek net. Asto it mar dúdlik útleist, bygelyks: “Ik bring earst dyn suske op bêd en dêrnei sille we in boekje lêze”.’ Hasto lêst fan it gedrach fan in bern? Dan is it neffens Tineke belangryk om dyn eigen gefoel dêrfan los te keppeljen. ‘Alders ha al gau oanstriid om te sizzen: “doch net sa ferfelend”, “net rûzje meitsje” of “wês even rêstich”. Mar ast seist: “Ik wol dat jimme no ophâlde mei rûzje te meitsjen, want ik fyn it net gesellich”, dan jousto in oar de romte om mei dy mei te wurkjen. Dat wol net sizze dat it fuort slagget, mar dan kommunisearrest wol helder. It giet derom datsto seist watsto bedoelst.’ As bern net lústerje – en dêr rinne in soad âlders tsjinoan – is der blykber wat oars dat

42

43

mear oandacht freget. ‘Dan moatst dúdliker wêze yn dyn boadskip, bygelyks: “Ik wol datsto my in hân joust by it oerstekken, want it is gefaarlik”. As âlder bisto ek rezjyhâlder.’ Sels oplosse Omgean mei konflikten fine in protte âlders en opfieders ek lestich. De measten geane konflikten it leafst út ’e wei. Mar it heart wol by it libben. ‘Asto dat akseptearrest, dan sjochst der hiel oars tsjinoan. Om bern te learen mei konflikten om te gean, is it wichtich om se fan jongs ôf oan te learen dat se sels ek ynfloed hawwe op de oplossing. Dat kin allinne mar ast helpst by it oplossen yn de rol fan coach. En net as skiedsrjochter, want dan bepaalsto wat de oplossing is. Eins seist dêrmei: “Ik wit it better as do”. Yn ’e praktyk silst ûntdekke dat bern hiel goed sels in oplossing betinke kinne, as se de kâns mar krije. En as it slagget? Dikke tomme! Sa leare se der ek noch fan.’ Wêr’t bern neffens Tineke neat fan leare, binne de strafsirkels en strafstuoltsjes dy’t nannys en pedagogen betocht hawwe. ‘Dêrmei bringst de relaasje mei it bern allinne mar skea ta en makkest misbrûk fan dyn machtsposysje as âlder. In bern leart dêrmei wat nét mei. Mar do kinst se better leare wat se wól dwaan moatte. Sa makkest fan bern ferantwurdlike boargers.’ De rol fan âlders Opfiedcoach Sandra Smits út Dokkum is it dermei iens dat bern leare moatte om séls in oplossing te sykjen. ‘Soms is it goed om as âlder even ôfstân te nimmen, sadat in bern sels de tiid kriget om boas of fertrietlik te wêzen. Net fuort klearstean mei advizen, mar romte jaan oan emoasjes en grinzen stelle

oan gedrach. Dat is ek it útgongspunt fan de workshop “Heppie!?” dy’t ik jou oan âlders, opfieders en professionals’, seit Sandra. Se is mem fan trije bern. In dochter fan 7 en twa soannen fan 5 en 1,5 jier. Har missy is om bern te helpen troch harren âlders te stypjen by de opfieding. ‘Ik probearje âlders foaral ynsichten te jaan. Alle âlders hawwe wolris fan dy mominten dat se tinke: no wit ik it efkes net mear. Mar dat is net slim. Júst net. Eins gun ik elk bern in net-perfekte âlder. Want dan hoecht it bern ek net perfekt te wêzen. Op sa’n momint is it belangryk om sjen te litten hoe’tsto dêrmei omgiest. Dêr leare bern fan!’

‘ Eins gun ik elk bern in net-perfekte âlder� Ien lyts wurdsje Yn de kommunikaasje is it hiel weardefol om oan te jaan watsto wól ferwachtest. Sandra: ‘Wy sizze faak wat we nét wolle, bygelyks: meist net fan de stoel ûnder it iten. Mar ús brein kin it wurdsje “net” net opslaan. Dus asto seist “ûnder it iten bliuwst op ’e stoel sitten”, dan witte bern watsto ferwachtest en wat se dwaan moatte. As in bern seit “Ik kin it net”, dan kinst as âlder sizze: “Goh, do kinst it nóch net”. Mei dat wurdsje “noch” joust oan dat it net slim is dat it net yn ienkear slagget. Sa krije se de romte om it te learen. Lytse wurdsjes meitsje soms in hiel grut ferskil!’ Mar wat is no de bêste metoade foar de kommunikaasje mei bern? Sandra Smits hat dêrfoar noch in lêste tip. ‘Der binne in hiel soad metoaden en der binne ek wer oerlapingen. Mar sjoch foaral ek nei de manier dy’t by dy past. Want as dat it gefal is, dan is it echt en bist autentyk. En dan pas komt it boadskip goed oer by in bern.’


Ferhaal 1-5 jier

It sweltsje Auck Peanstra

Kornelia sjocht nei de daksgoate. ‘Wat sit dêr, Kornelia?’, freget Tomke. ‘In nêst’, seit Kornelia. ‘Fan de sweltsjes.’ Tomke ropt: ‘Ik sjoch in kopke! Der sitte lytse fûgeltsjes yn! Wolst my optille, Kornelia? Ik wol dy pykjes sa graach sjen.’ ‘Nee, dat mei net’, seit Kornelia. ‘Oars skrikt de mem fan ús. En dan komt se net werom.’ Rrrttt, hearre se ynienen. ‘Sst!’, docht Kornelia. ‘Hiel stil stean!’ De memmefûgel sit op it dak. Se sjocht alle kanten op. Dan fljocht se nei it nêst. Tomke ropt: ‘Se hat in wjirm yn de snaffel.’ Hy heart de pykjes piipjen. Wat ha se sin oan iten! As de mem wer fuortfljocht, seit Kornelia: ‘Kom, we geane yn ’e hûs.’ Tomke giet foar it rút stean. Sa kin er ek nei de sweltsjes sjen. Mar dan falt der wat nei ûnderen! In hiel lyts, keal fûgeltsje. ‘Oh, in sweltsje!’, ropt Tomke. ‘Hy is út it nêst fallen.’ ‘Oe heden’, seit Kornelia. ‘De kat moat him net pakke.’ Romke ropt: ‘Ik jei de kat wol fuort.’

‘It pykje moat wer yn it nêst’, seit Tomke. Kornelia siket in stikje karton. ‘Ik moat it pykje net oanreitsje. Oars wol de mem it net wer ha.’ Se skoot it fûgeltsje op it kartontsje. Dan hellet se in trepke út it hok. Hiel foarsichtich set se it pykje yn it nêst. ‘Sa’, seit Kornelia. ‘No net wer sa dom dwaan, pykje.’ Kornelia bringt it trepke wer nei it hok. Tomke sjocht om him hinne. ‘De mem is noch net werom. Miskien is se bang foar ús. Kom, we geane wer yn ’e hûs.’ Tomke giet gau foar it rút stean. En dan... rrrttt! Dêr is it sweltsje wer. ‘Gelokkich’, suchtet Tomke bliid.

Wolsto ek FERGEES moaie printables, wurdkaarten, ferhaaltsjes, kleurplaten, ferskes en nifelwurkjes foar pjutten yn dyn mailbox krije? Sjoch dan op www.tomke.nl en meld dy oan foar de nijsbrief!


DWAAN ‘Heity, hei-ty… moatst ris sjen wat ik al kin?’ Tige grutsk en mei in read oanrûn gesicht besiket ús soan fan fiif te hinkeljen. Hy wol sjen litte dat er wat nijs kin. Neidat er twa kear in soarte fan huppeltsje makket, kin er twa hinkelspronkjes dwaan op syn linkerfoet. Dêrnei is er syn balâns hielendal kwyt en falt hy teatraal op it kleed yn ’e keamer. As heit stean ik mei oandacht te sjen en ha geduld. Ik sis net safolle, want myn soan moat him tige fokusje op dat wat er sjen litte wol. Nei syn hinkeljen priizgje ik him. Dêrmei kriget er genôch wurdearring, fyn ik. Wannear’t ik him útdaagje om ek ris op rjochts te hinkeljen, slagget dat net. ‘Noch efkes oefenje jonge,’ sis ik, ‘dan komt it wol goed!’ As wy efkes letter in frisse noas helje yn it boarterstúntsje om ’e hoeke, giet Jonne regelrjocht op it klimrek ôf. Hy klimt twa kear op en del. Efkes letter siket er útdaging by in beamstam, dy’t as evenwichtsbalke tsjinst docht. Wannear’t ús soan op de stam klommen is, komt der in stik ûnwissens yn syn gesicht. Ik sjoch him tinken. Is dit te heech? Fal ik hjir net ôf, moat ik dit wol dwaan? Dan siket er stipe by my. ‘Heity…!’ Mar in fraach komt der net. Ik begryp mar al te goed wat er wol. Ik jou him in hân en stadich rint er de balke oer. ‘Mar do kinst it sels ek’, stimulearje ik him. Twa tellen dêrnei rint er sels hinne en wer, wylst er dat in minút earder noch net oandoarde. Oefenje mei lytse stapkes en foaral in stik betrouwen yn eigen kinnen, helpe bern boartsjendewei foarút. Neist syn motoaryske ûntwikkeling leart er hiel natuerlik noch mear saken dy’t mei it libben te krijen ha. Wannear’t wy tegearre fuotbalje yn ’e tún, dan neam ik wolris datst winne kinst, mar ek ferlieze. Us soan follet dan wiis oan: ‘of gelyk spylje’. Alders ha in belangrike rol yn de opfieding fan har bern. Ek foar bewegen jildt ‘jong geleerd is oud gedaan’. Op in moaie maitiidsdei wiene wy mei syn allen ûnderweis op ’e fyts. Jonne sit yn ’e fytskarre as in man op leeftyd ús ynhellet op syn e-bike. Hy makket in praatsje en nimt ús mei nei de tiid dat hy mei syn gesin op fytsfakânsje gong. Syn meislepende ferhalen gean oer fiere reizen, it libben en bern opfiede. Syn bern fytse no mei harren bern de wrâld rûn. ‘Unthâld ien ding,’ seit er, ‘in bern docht net wat âlders sizze, mar altyd wat âlders dogge!’ Piet Hijlkema (1970) is sûnt 2017 bewegingsstiper foar sporters, en dan fral foar reedriders, by SaTop. Hy is troud en heit fan twa folwoeksen bern en fan Jonne Pieter (2012). www.satop.nl

44

45


It readboarstke Het roodborstje

De mosk De huismus

De toarteldo De tortelduif

It tomke Het winterkoninkje

De blaumies De pimpelmees

De blokmies De koolmees

De protter De spreeuw

De blauspjocht De boomklever De grutte eksterspjocht De grote bonte specht

De klyster De merel


Ik ha fiif hiele leave pakesizzers. Lieuwe Siebe is de twadde pakesizzer en nei my ferneamd. It is de soan fan myn soan Siebe Lieuwe. De namme sit al fan de 18e iuw ôf by ús yn de famylje. De âldste soan fan de stamhâlder kriget de namme yn de famylje. It giet altyd om en om. Lieuwe Siebe en dan wer Siebe Lieuwe. Mar ús heit en mem ha der net foar keazen om Siebe efter myn namme oan te dwaan. Dat fûn ik wol hiel spitich, dus ha ik dy namme der sels efteroan setten. Ik fyn Lieuwe in moaie namme. In echte Fryske namme. It wurdt meastentiids wol goed skreaun. Foar minsken bûten Fryslân sis ik meastal datst de namme as ‘Nieuwe’ skriuwst,

46

47

mar dat se yn stee fan de N in L sette moatte. Dan giet it altyd goed.Lytse Lieuwe wennet mar sa’n 200 meter fan my ôf. Ik sjoch Lieuwe hast alle dagen. Se komme altyd wol efkes del at se in blokje om gean. Lieuwe slacht faak by my om, want alles wat ik doch fynt er moai. Sit ik yn de heftrúk, dan wol er by my op skoat. Lis ik ûnder in auto, dan giet er neist my lizzen. Wy hawwe in loads mei û.o. frachtauto’s en trekkers en dat fynt er prachtich. Wy hawwe hjir in lyts overaltsje foar him, oars komt er altyd thús mei de klean ûnder it fet. Ek hat er, lykas pake, de skerjonklompkes altyd oan. Lieuwe is in blier jonkje, altyd yn beweging en hy hat altyd wol wat by de ein. Wy kinne it hiel goed fine tegearre.

Dieuwke van der Meer

FERNEAMD Lieuwe Siebe

Namme: Lieuwe Siebe Greidanus Berne op: 24 maaie 1961 Wenplak: Wjelsryp Namme pakesizzer: Lieuwe Siebe Greidanus Berne op: 20 oktober 2014 Wennet yn: Wjelsryp Betsjutting Lieuwe: beskermer fan it folk Betsjutting Siebe: sege, oerwinning


€ 13,50

e d n a f t ’ y d n r e b e Foar all r a e m h c ó n r e d n e natuer hâlde . e l l o w e t t i w r e o websjop.afuk.nl


Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.