Heit & Mem nr. 2 2017

Page 26

harren dêr net bewust fan. Wy soene taal foar harren mear betsjutting jaan wolle.’ Laat taal leven Lân fan taal is in projekt fan ferskate organisaasjes dy’t allegearre op de ien as oare wize mei taal dwaande binne, sa as bygelyks Provinsje Fryslân, Afûk, Fryske Akademy, Neushoorn, Tryater en de biblioteek. ‘Binnen Lân fan taal binne wy mei in hiele protte organisaasjes in partnerskip oangien. Alle partners hawwe in part fan it projekt yn hannen en sy wurkje allegearre fanút deselde kearn: talen in oar plak te jaan yn je bewustwêzen. Taal libbet, soargje der goed foar, sizze wy. As je in taal, hokker dan ek, net brûke, giet er dea.’ Spreek je uit ‘Oft it no giet om Frysk of Papiamintsk; sprek dy út. Jou dyn memmetaal in plak yn dyn

libben, hoe lyts dy taal ek mar is. Wy wolle mar sizze, wa bisto yn kombinaasje mei taal? Hoe giest ferbaal en non-ferbaal mei dyn omjouwing om? Sprekt in Grinzer in oare nonferbale taal as in Fries? Hokker taal is de taal fan dyn hert? Wat is dyn motivaasje om dyn memmetaal te brûken? Watfoar taal wolst dyn bern meijaan? De memmetaal is tige wichtich foar minsken, en dan makket it net út wêr’t je weikomme of hokker taal dat is.’ Speel met taal ‘Fyn in fijne wize om utering te jaan oan wa’tsto bist. Oftst dat no sjongend, tekenjend, dichtsjend of dûnsjend dochst, by de Lân fan taal-aktiviteiten kin soks allegear. Siart (red.: Smit, projektlieder Lân fan taal) hat it dan oer de onstoffelijke kwaliteit fan taal: dyn leafde foar taal en de needsaak om dy te uterjen. Op ús website fynst in grutte samling aktiviteiten en it programma groeit noch hyltyd. Je kinne

in besite bringe oan de Taletún, oan taalekspo OBE, mar bygelyks DNALWD2018 en 8ste dag hearre ek by ús taalfeest. It oanbod is sa grut dat wy minsken dan ek oanriede wolle om op www.lanfantaal.frl lekker om te strunen en sa al fan alles te ûntdekken.’ Ljouwert-Fryslân 2018 wol graach in saneamde legacy, in erfskip, neilitte nei 2018. Anne dêroer: ‘Wy wolle taal in oar plak jaan yn ús maatskippij, yn ús bewustwêzen. Je hoege net fêst te hâlden oan hoe’t je it altyd dien hawwe. Guon fan ús projekten rinne troch oant en mei 2020. Dêrmei, en dus mei Lân fan Taal yn it algemien, wolle wy minsken fan alle leeftiden in oare wize fan tinken meijaan, sadat sy doare te skriuwen, te lêzen, te dûnsjen en te dichtsjen yn har eigen taal. Hokker taal dat dan ek mar is.’


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.