Heit & Mem nr. 2 2017

Page 1

gratis & fergees

NR.2 2017

pubers onderschatten rookverslaving muzyk natuerlike kreamsoarch as praten net makket bern wizer omgaan met hypes fansels giet MEI FOA RLÊSFERH A LEN, DE NI JS TE BERNEBOEKEN, KRE A MK A DOOT S JES EN NOCH FOLLE ME A R...


ADVertentie

Elke dag een mooie dag! • kinderopvang • buitenschoolse opvang • peuteropvang • gastouderopvang U vindt ons op verschillende locaties in de gemeenten Heerenveen, Opsterland, Tytsjerksteradiel, Súdwest Fryslân en Smallingerland. T 0513 - 610 825 M info@kinderwoud.nl

kinderwoud.nl

Op zoek naar een betrouwbare gastouder bij jou in de buurt?

experts in horen, spreken en verstaan

een hoor- of taalprobleem is ingrijpend. Daarom doen we alles om te helpen. hoe klein je ook bent. • Onderzoek en advies bij kinderen met gehoor- en taal-spraakproblemen. • Behandeling op het gebied van gehoor- en taal-spraakontwikkeling. • Behandelgroepen, thuisbegeleiding en oudercursussen.

gastouderbureauLINQ.nl

Pento Audiologisch Centrum Friesland Verlengde Schrans 35 | 8932 NJ Leeuwarden | Tel. 058 - 280 15 86

pento gaat verDer.

PEN0008 Advertentie Audiologisch centrum Friesland 105x148.indd 1

www.pento.nl

13-12-13 11:56


Sa fier as de moanne en wer werom, sa folle hâld ik fan dy.


8

ynhâld

NR.2

42

Carolien ter Schuur (redakteur) It is alwer in skoftke lyn, mar doe’t ik foar de simmerfakânsje mei de avondvierdaagse meirûn fleagen se my gewoan hast om de earen. Ik hie se noch noait sjoen en samar ynienen hie elkenien se! En nee, ik oerdriuw net. En ja, ik nim de opmerking ‘Mar mem, echt ááálle bern yn de groep hawwe der ien’ ek altyd mei in grutte berch sâlt. Mar no koe ik der toch echt net omhinne. Echt alle bern krigen op de lêste dei fan de avondvierdaagse in… Spinner. En úteinlik krige ús beuker der ek ien, wol wat letter, en foar syn jierdei, mar toch. Dogge jim mei oan alle hypes en trends? Op side 42 skriuwt ús heit&mem-meiwurker Marieke Vinckers oer har befiningen op dat mêd.

Dieuwke van der Meer (redakteur) Ik bin yn ferwachting fan ús twadde berntsje. Dat tiden hurd feroarje docht bliken. Want wêr’t ik 6 jier lyn mei de earste net iens by stilstie, dêr kin ik no net mear omhinne. Lykas: wat is in goeie draachdoek? Skaffe wy in co-sleeper oan? En hoe sit it mei it ynintsjen? Natuerlik âlderskip kriget hieltyd mear bekendheid. Mar wistest datst ek foar dyn kreamtiid natuerlike kreamfersoarging oanfreegje kinst? Lês dêr mear oer op side 8.

Kolofon Yllustraasjes:

Foarmjouwer:

Distribúsje:

gemeentehuzen en yn oare

Luuk Klazenga (side 44)

BW H ontwerpers

heit&mem wurdt fergees

iepenbiere romten.

Kentalis (side 37)

www.bwhontwerpers.nl

ferspraat yn in oplage fan

Sjoch foar de ferspriedingslist

Redaksje:

Foto’s op side 24 o/m 27:

info@bwhontwerpers.nl

40.000 eksimplaren.

op www.heitenmem.nl

Ciska Noordmans

Tryntsje Nauta

tel.: 058 - 213 35 43

Der wurdt wurke neffens in

Dieuwke van der Meer

& Heleen Haijtema

Haadredakteur:

Korreksje:

Carolien ter Schuur

Ytsje Steen-Buwalda

www.hogenoorden.nl

info@sekuer.nl

info@hogenoorden.nl

Dizze heit&mem is de lêste

tel.: 058 - 216 79 66

fan de twa nûmers dy’t yn

Meiwurkers:

redaksjestatút dat boarch

Losse nûmers:

Fotografy:

stiet foar de ûnôfhinklikheid

Losse nûmers kin besteld

Het Hoge Noorden

fan de redaksje.

wurde fia websjop.afuk.nl foar safier op foarried.

Arjanne Nijp

Redaksje-adres /útjouwer:

Janneke de Boer

www.heitenmem.nl

Fotografy Lydia

Klasina van der Werf

ynfo@heitenmem.nl

www.fotografielydia.nl

De lytse heit&mem, in útjefte

info@fotografielydia.nl

dy’t fia de gemeente yn it

tel.: 06 - 25 13 58 98

Taalkado ferspraat wurdt.

Marieke Vinckers

ISSN: 1878-4437

2017 ferskine sil yn dizze rige. Yn it foarjier ferskynt

heit&mem kinst ek folgje fia:

Nynke van der Zee

Printwurk:

Paul van Dijk

Senefelder Misset,

heit&mem is in meartalich

Utjûn mei stipe fan de

Sjoukje Jager

Doetinchem

Fotografie Wiersma

tydskrift en spesifyk rjochte

provinsje Fryslân.

Thea van der Schaaf

www.senefelder.nl

www.fotografiewiersma.nl

op âlders mei bern yn Fryslân.

Tine van Knijff-van Hijum

info@senefelder.nl

info@fotografiewiersma.nl

heit&mem is fergees te krijen

Tjalling de Vries

tel.: 0314 - 35 55 00

tel.: 0513 - 68 22 88

by boekhannels, bibleteken,


16 Thea van der Schaaf (tekstskriuwer) ‘Mem, wannear gean je dea?’ ‘Wat is deagean eins?’ ‘Kin beppe Tryntsje ús noch wol hearre of sjen?’ As mem fan twa jonges fan 6 en 3 krijst hiel wat fragen om ’e earen slingere. Oer de dea, mar ek oer in hiel soad oare saken yn it libben. Se binne net altyd like maklik om op te antwurdzjen. Omrop Fryslân makket yn it berneprogramma Kening Hert & Harry Hazze in hiel soad fan dy fragen besprekber, mei in poppespul. Lês op side 16 hoe’t dat ta stân kaam en hoe’t de Omrop him dêrmei ûnderskiedt yn dizze tiid.

30

Nynke van der Zee (tekstskriuwer) In meter as tsien fytst er foar my; in stoere jonge fan in jier as fjirtjin. As ik him ynhelje, sjoch ik in swier sjekje nonsjalant yn syn hân bongeljen. Fiif jier lyn wie ik syn trainer by de kuorbalklup. Hy soe noait smoke, rôp er doe. Dy belofte is dúdlik yn reek opgong. En hy is net de iennige. Alle dagen begjinne der fjouwer jongeren mei smoken. Wylst se allegearre witte dat it net sûn is. Wêrom bliuwt in sigaretsje dan toch sa stoer? En hoe kinst as heit en mem foarkomme dat dyn bern der ientsje opstekt? Bert Soenveld fan GGD Fryslân jout tips op side 30

ynhâld 04 Kolofon 06 Heit & Mem Post 08 Natuurlijke Kraamzorg 11 Swier & Swiet 12 Mannelijke pedagogisch medewerkers binnen de kinderopvang 14 Wat nijs 15 Bysûndere bertekaartsjes 16 Kening Hert & Harry Hazze 19 Kollum Paul van Dijk 21 Bernepraatsjes 22 Yn ferwachting

4

5

24 25 28 30 33 36 38 41 42 44 46 47

De Taletún Lân fan Taal Muzyk op skoalle Hoe litte wy smoken yn reek opgean? Berneboeken Heeft Jos ʼn TOS? De pampergeneratie Kollum Tjalling de Vries Help, in hype! Tomke Hjerstplaat Ferneamd


Wolsto wat oan ús kwyt? In bysûnder ferhaal, in moaie foto, in goeie tip of gewoan dyn miening ergens oer? Mail it ús of stjoer it op! ynfo@heitenmem.nl Heit&mem Postbus 53 8900 AB Ljouwert. Of sykje ús op fia Facebook, Pinterest, Instagram of Twitter.

POST

Op de cover Op de cover stean Judith (8 jier) en har skoalgenoat Isaac (10 jier) út de Jouwer. Se hawwe tagelyk muzykles fan meester Harm, dy’t altyd in protte grappen makket. Ek spylje se beide by de Jouster Jeugdfanfare en hawwe altyd in protte wille. Boartsjendewei leare se alle stikken te spyljen. Judith en Isaac fine it dan ek prachtich om sa op de cover te stean.

Musical Ik stjoer jimme hjirby in oantal foto’s fan alle bern fan IBS Op 'e Dobbe yn Hallum mei harren selsmakke muzykynstruminten. Se diene mei oan de musical PLEXAT. In húshâlding sil mei syn fjouweren barbecueë. Yn de musical komme der hieltiten mear minsken by de BBQ. Earst pake mei in kloft bewenners fan it âldereinhûs. De bern fan de groepen 1 o/m 5 sjonge en spylje it liet 'Pake' fan de cd Sjongspektakel. De jonges spylje op trompetten en saksofoans, makke fan pvc-buis en oranje trechters. Nei de kampioenswedstriid komt it hiele fuotbalteam fan de soan del. De dochter fan de húshâlding komt by de BBQ mei har dûnsgroep om't se op tillefyzje komme. De jongste groep sjongt en spilet it liet 'Rock en Roll' fan de cd 'De gong fan Sake'. De jonges spylje mei faasje op de eigenmakke gitaren, de fammen dûnsje foar it poadium as follearde R&R-stjerren. Groet Joke


Is dyn poppe, buorfamke, neefke of beppesizzer de leafste poppe fan de wrâld? Upload dyn foto op www.heitenmem.nl! De poppe mei demeaste stimmen kriget in poppepakket tastjoerd. Dochst ek mei?

Poppe fan de moanne

febrewaris 2017

maart 2017

april 2017

Ella-Romée van der Veen út Ingelum berne op 26-12-2016

Soan Boonstra út Damwâld berne op 28-01-2017

Valente Reiber út it Hearrenfean berne op 15-09-2016

maaie 2017

juny 2017

july 2017

Ivar Reurink út Kollum berne op 04-03-2017

Tomas Bekema út Boalsert berne op 23-04-2017

Wybren Bart de Vries út it Hearrenfean berne op 08-03-2017

Yeni Myn oerpake en -beppe hiene trije famkes doe't hja in jonkje krigen, dat op jonge leeftyd ferstoar. Dêrnei krigen hja noch in famke, myn beppe, dat hja krekt deselde namme joegen as it jonkje, Jentje. De buorfrou sei dat hja in famke gjin jongesnamme jaan moasten en doe waard it Jennie. Ik bin nei myn beppe ferneamd en hyt dus ek Jennie. Op 25-jierrige leeftyd ferhuze ik nei Ingelân en om't ik myn Nederlânsk útsprutsen namme behâlde woe, ha ik de stavering feroare: Yeni. Dus hyt ik no al 26 jier Yeni, net krekt deselde namme, mar wol krekt itselde útsprutsen, ek yn Ingelân! Yeni Tyacke

6

7

Mem út Brabân Hoi heit & mem! Ik bin in mem dy’t yn Brabân wennet. Alle kearen as de nije heit&mem útkomt bestel ik it blêd gau fia de websjop fan de Afûk. Op de bank, mei in kopke tee én de heit&mem, dêr kin ik hearlik fan genietsje! Dankewol! Anke


Arjanne Nijp


Foar mear ynformaasje: www.kraammetzorg.nl

Natuerlike kreamsoarch: mei leafde en waarmte

‘It binne lytse middeltsjes, hiel ienfâldich, lykas in wollen mûtske of kamille-oalje. Dat kin safolle rêst bringe. Ik fyn dat hielendal net geitewollensokkerich, want ik sjoch alle kearen wer dat it gewoan wurket.’ Oan it wurd is Renée van der Heide-Canrinus, selsstannich kreamheinster út Drachten. Sy is oant no ta de iennichste kreamheinster yn Fryslân dy’t sertifisearre “Natuurlijke Kraamzorg” oanbiedt, as oanfolling op de gewoane kreamsoarch.

‘ Kamille remmet ûntstekkingen en bringt rêst.’ Natuerlike kreamsoarch is soarch foar poppe en kreamfrou mei natuerlike middels en materialen, en basearre op de ideeën fan Rudolf Steiner, de grûnlizzer fan de antroposofy. Renée hat in grutte doaze mei allegear foarbylden fan dy natuerlike middels en materialen. Der sit bygelyks in wollen matsje yn, dat op it matraske yn de widze of bernewein lizze kin. ‘Wol helpt by it regulearjen fan de temperatuer fan in poppe’, fertelt se. ‘As in berntsje te waarm of te kâld is, dan wurdt it ûnrêstich. Ik ha wolris in poppe hân, dy koe de temperatuer mar net

8

9

fêsthâlde. Ik ha him op in wolletje lein en in wolsiden strikmûtske opdien, en it skeelde wol in heale graad.’ Dan lit de kreamheinster in fleske kamilleoalje en wat lapen sjen. ‘Kamille remmet ûntstekkingen en bringt rêst. Soms hat in kreamfrou bot lêst fan neiweeën. Dan kin ik in búkwikkel foar har meitsje. Ik doch wat kamille-oalje op in doekje, dat meitsje ik lekker waarm mei in krúk. Dan lis ik it doekje op har ûnderbúk, ik doch der in stikje wol oerhinne en dan in grutte lape om har búk hinne. Sa’n wikkel helpt ek by in poppe mei krampkes.’

‘ Waarmte en omhulling binne hiel belangryk yn de natuerlike kreamsoarch.’ Waarmte en omhulling binne hiel belangryk yn de natuerlike kreamsoarch. ‘In poppe hat 9 moannen ûnder it hert fan de mem sitten, lekker skommeljend yn it waarme wetter. As er dan op de wrâld komt, fynt er it fijn om de waarmte fan dyn hûd te fielen, of de begrinzing fan in lekker strak ynstoppe lekkentsje, of ynwikkele te wurden

yn in wollen tekkentsje.’ In antroposofysk strikmûtske fan wolside op ’e holle en oer de earen jout ek sa’n gefoel fan begrinzing. Boppedat lit it de foarholle frij, dêr’t de ‘termostaat’ fan de poppe sit. ‘En wat ek hiel handich is: sa’n mûtske kin net oer de eagen sakje’, laket Renée. Emma Jasperse en har man Jaap Kuipers út Niebert fregen Renée as kreamheinster nei de berte fan harren twadde soan Timon, spesjaal om’t sy natuerlike kreamsoarch leverje kin. ‘Dat past bij onze levensstijl. Wij zijn veel buiten, dragen vaak een wollen trui, we eten zo weinig mogelijk voorverpakt voedsel. We gaan heel bewust met de natuur en het milieu om.’ Benammen it soargjen foar rêst yn de kreamperioade, en it brûken fan kamille en wol foar it bern, hat harren goed foldien. ‘En Renée heeft mij geleerd over biological nursing’, fertelt Emma. ‘Bij borstvoeding geven denk je eigenlijk altijd aan de madonna-houding of de rugby-houding, maar als je een beetje achterover leunt en de baby op je borst legt gaat hij zelf wel zoeken. Dat maakte mij zelf veel ontspannener en relaxter, dus ik vond het heel fijn om zo ook te kunnen voeden.’ Ek Aly Loes Vellema krige soarch fan Renée nei de berte fan har famke Jildau. ‘De natuerlike kreamsoarch slút hielendal oan by


hoe’t ik dingen sjoch en dwaan wol’, leit Aly Loes út. Se hat benammen in soad hân oan de útlis oer produkten lykas kamille, en oer waarmteregulearring. Mar ek doe’t se nei de befalling noch in skoftke yn it sikehûs bliuwe moasten, hat se stipe hân fan Renée. ‘Yn it sikehûs is it allegear wat klinysker. Bygelyks mei de drinkbeurten, dat dogge se dêr folle mear op ’e regel. Ik woe dat graach oars, en dan hie ik kontakt mei Renée oer wat ik dan it bêste dwaan koe.’ Fiif jier lyn, doe’t de oplieding Natuurlijke Kraamzorg úteinsette, hat Renée har fuort ynskreaun. ‘Minsken binne hieltyd bewuster dwaande mei hoe’t se de bern grutbringe. Ik krige ek hieltyd faker fragen, oer waskbere ruften bygelyks, of oer ynintsjen. En ik wol my oanpasse kinne op wat it gesin wol.’ Doe’t se krekt begûn wie mei de oplieding, twifele se wol efkes. ‘It hat in antroposofyske grûnslach, en sa bin ik hielendal net grutbrocht. En ik bin wol in nuchtere Fries, dus ik wie wat skeptysk. Mar de basiskennis oer de natuerlike middels krige ik sa wol mei.’ Wat fierderop yn de oplieding waard se ek hieltyd entûsjaster. ‘Learst dêr echt goed nei it bern te sjen, it te observearjen. En ik wurkje mear op myn yntuysje. Der binne in hiel soad regels en

rjochtlinen yn de geboartesoarch, we moatte in hiel soad opskriuwe en byhâlde.’ Mar soms wol in kreamfrou bygelyks net twa kear deis temperatuerd wurde. Dan praat Renée mei se ôf: we dogge it net, mar asto dy net goed fielst, dan joust dat oan. En de kreamheinster sjocht it sels ek altyd wol at de kreamfrou net lekker is. ‘Healweis de oplieding tocht ik: eins wurkje ik al sa. Dit wurk moatst mei dyn hert en gefoel dwaan, want oars prikke se der sa trochhinne.’

‘ Minsken binne hieltyd bewuster dwaande mei hoe’t se de bern grutbringe.’ Renée wie oant no ta de iennichste kreamheinster yn Fryslân dy’t natuerlike kreamsoarch oanbiede koe, mar dit jier folgje guon kollega’s út Fryslân de oplieding ek. Renée is dêr wiis mei. ‘Der is hieltyd mear fraach nei, ek hjir yn Fryslân. Ik ha mear oanfragen as dat ik oankin. Mar ik fyn it belangryk dat ik foar elkenien tagonklik bin, dus ik kom ek by gesinnen dy’t gewoan pampers brûke of gjin boarstfieding jaan wolle.’ Dochs hat se wol it idee dat har kennis

fan de natuerlike kreamsoarch har ek by ‘gewoane’ kreamsoarch helpt. ‘Ik hear hiel faak dat ik sa’n soad rêst útstrielje.’ ‘Ik bin yn sa’n spesjale perioade yn it libben by de minsken thús. It is belangryk dat ik der bin, mar eins ek net. Dêrom is it wichtich datst as âlders by dysels bliuwst.’ Wolle âlders bygelyks graach dat de poppe by harren yn bêd sliept, dan fertelt Renée hoe’t se dat feilich dwaan kinne. ‘In mem dy’t gjin alkohol, drugs of medisinen brûkt en net deawurch is, giet net samar op har poppe lizzen. In dekbêd kin wol gefaarlik wêze, dat kinst yn dyn sliep ûnbewust oer dy hinne lûke, en in poppe kin dêr dan net sels ûnderút komme.’ Dus it berntsje moat sa heech mooglik oan it hollenein lizze, of yn in co-sleeper. Renée: ‘Eins fyn ik alles bêst, salang’t it mar feilich, en mei leafde en waarmte is.’


Swier & Swiet Baby’s eerste jaar Kadoshop Bosch/webshop GiftsGoodies uit Damwâld verkoopt verschillende fotolijsten voor baby’s eerste jaar, waaronder dit vrolijke bosthema. Elke maand kun je een nieuwe foto van je kleine spruit plaatsen en zo mooi de groei en veranderingen van je kind bewonderen.

Wist je dat… … driekwart van de moeders meer melk produceert met hun rechterborst?

Voor € 19,95 te bestellen via www.giftsgoodies.nl

Babykeamerprintables

Fryske berteflachjes en ballonnen

Spesjaal foar heiten en memmen ha wy moaie platen makke dy’t jimme sels útprintsje kinne foar op jim babykeamer. Leuk foar yn in listke of om sa op te hingjen.

Is der in lytse poppe op komst? Hingje dan ris Fryske berteflachjes en ballonnen op! Bestel se op websjop.afuk.nl!

Sjoch foar de printables op www.heitenmem.nl

Ik wurd mem! It boekje ‘Ik wurd mem’ is in spesjaal deiboekje foar de swangerskip. ‘Ik wurd mem’ is fleurich, nijsgjirrich, net te omslachtich en it is yn it Frysk! Yn it boekje kinst skriuwe oer de kleantsjes dy’tst sels as earste kocht hast foar de lytse poppe, watfoar ‘koosnaampje’ as jimme brûke, ast ek lêst fan kwaaltsjes hast en hoe’tst tsjin de befalling oan sjochst. Yn dit swangerskipsdeiboekje is romte foar echofoto’s, búkfoto’s en romte om dyn eigen erfaringen op te skriuwen. In moai oantinken foar letter. Foar € 7,50 te bestellen fia http://websjop.afuk.nl/ik-wurd-mem

10

11


Tine van Knijff-van Hijum

‘ Bij onze kinderopvang werkt een man! Leuk!’

Daniel van Engers

Van de 235 pedagogisch medewerkers bij Sinne kinderopvang zijn er ongeveer tien man, meer dan het landelijk gemiddelde van twee procent, maar nog altijd niet veel. Ouders blijken juist blij te zijn met een stoere man ‘op de groep’.

Bas de Haas werkt al 18 jaar bij Sinne (voorheen SKL), de grootste kinder­ opvangorganisatie van Leeuwarden. Hij is pedagogisch medewerker, en werkt zowel op de VSO, TSO als NSO. En werd nergens met een vreemd gezicht aangekeken. ‘Ik krijg veel positieve reacties’, vertelt Bas. ‘Ouders die eigenlijk op zoek waren naar een nanny, hebben zelfs hun drie zonen hier gebracht toen ze hoorden dat hier mannen werken; omdat ze een man als rolmodel belangrijk vinden voor hun jongens.’

Bas zelf maakt het niet uit: hij kan zowel met meisjes als met jongens omgaan. ‘Net zoals elke man en elke vrouw verschillend zijn en het eigenlijk niet moet uitmaken of de kinderen worden opgevangen door een man of een vrouw, zijn jongens en meisjes net zo verschillend. Jongens zijn niet alleen maar stoer en meisjes niet alleen maar creatief.’ Meer stoeien Hij merkt wel dat er soms een verschil in aanpak is. ‘Soms zijn vrouwen wat voorzichtiger en communiceren mannen

wat directer. Je ziet dat vrouwen vooral het overzicht houden tijdens speelmomenten en mannen eerder meedoen met het spel, meer stoeien. Misschien zijn mannen wat impulsiever, ook kies ik er vaker voor kinderen kleine conflicten zelf te laten oplossen. Maar nu generaliseer ik toch weer, want dit zou ook voor een vrouw kunnen gelden.’ Voor Bas geldt nog iets anders: hij is een bekend gezicht in de buurt. ‘Mensen kennen mij in deze buurt goed en ik werk al zes jaar op deze locatie.’


Wat vinden de ouders? We spraken drie moeders die hun kinderen bij Sinne kinderopvang brengen. Madelon Helder: ‘Onze zoon Jesse Noah (6) gaat wekelijks naar de NSO. Met de mannelijke medewerker speelt hij veel buiten en kan hij gek doen tijdens het stoeien. Met de vrouwelijke medewerkers gaat hij tekenen, knutselen of puzzelen. Onze dochter Sarah (3) knuffelt graag met haar vrouwelijke leidsters, tegenwoordig knuffelt ze ook graag met Bas. Ik hoop voor de medewerkers en ouders, maar vooral voor de kinderen, dat er in de toekomst meer mannen in de opvang werken.’

Bas de Haas

Manager kindcentra Laura Hollander beaamt dat. ‘Er zijn zelfs gezinnen die naar Bas vragen, die graag hier hun kinderen willen laten opvangen omdat Bas hier werkt. En we hebben op deze locatie, die deel uitmaakt van IKC Franciscus in Leeuwarden, nóg een mannelijke pedagogisch medewerker: Daniël van Engers.’ ‘Ja,’ haakt Bas in, ‘kinderen trekken óf naar mij óf naar Daniël toe. Ik ben wat meer aanwezig, wat extraverter. Daniël is wat rustiger, wat introverter. Kinderen voelen snel aan bij wie ze zich prettiger voelen. Maar dat is ook zo als je in een team met een man en een vrouw werkt. Of als er twee vrouwen samenwerken. Elk mens is verschillend en kinderen trekken automatisch naar de één of de ander.’ ‘Toch vinden we het wel heel prettig dat in dit team zowel mannen als vrouwen werken’, vertelt Laura. ‘We zien Sinne als een minimaatschappij, een mooie afspiegeling van onze samenleving. Daar horen niet alleen vrouwen, maar ook mannen bij.’

12

13

Belangrijke bijdrage Als het zo belangrijk is, waarom wordt er dan niet meer aan gedaan om mannen te laten weten hoe leuk het is, werken in de kinderopvang? Bas: ‘Het is als man niet vanzelfsprekend om voor een baan in de kinderopvang te kiezen; je komt er minder snel mee in aanraking en weet pas wat het inhoudt als je er middenin zit. Bijvoorbeeld als vrijwilliger, zo ben ik ermee in aanraking gekomen.’ Laura haakt in: ‘Ik vind dat hier wel een taak ligt voor bijvoorbeeld ROC’s: geef jongeren de kans om kennis te maken met deze beroepstak. Ik weet zeker dat veel mannen een professionele bijdrage kunnen leveren aan de ontwikkeling van kinderen. Helemaal nu er gewerkt wordt met een coördinator en een specialist naast de pedagogisch medewerkers op iedere locatie. Onze ouders zijn tevreden over ál onze pedagogisch medewerkers, zowel de vrouwen als de mannen. Ik zou zeggen: ouders, mannen: kom eens kijken!’

Guus Peters: ‘Ik vind het heel goed dat er ook mannelijke medewerkers bij onze vestiging werken, ik denk dat ze een positieve invloed hebben. Ze brengen afwisseling mee en dat vind ik erg leuk; zo werd er vorig jaar een ei gekookt in een blikje boven een vuurtje. Ook denk ik dat jongens het fijner vinden om bij een mannelijke medewerker in de groep te zitten. Die gaan toch wat sneller mee voetballen.’ Winanda Smith-de Boer: ‘Ik vind het goed dat er mannen werkzaam zijn, net zoals het op school goed is dat er juffen én meesters zijn. Ik heb voornamelijk ervaring met Bas, hij gaat heel relaxed met de kinderen om. Er is veel mogelijk, maar er zijn ook grenzen en regels. Voordat mijn kinderen bij Bas in de groep zaten, hebben ze ook een aantal hele leuke vrouwelijke medewerkers gehad. Het ligt toch aan de persoon hoe hij of zij het doet. Dan maakt het niet uit of het een man of een vrouw is. Een mix is het mooist; zowel mannen als vrouwen.’


WAT NIJS Hip de herfst in

Eigen ûntwerp

Laarsjes zijn ideaal in de herfst en winter. Helemaal wanneer ze ook gevoerd zijn. Deze laarsjes zijn dan ook niet gewoon laarsjes, maar echte Thermoboots. Nynstyles (Leeuwarden en Dokkum) verkoopt de donkerblauwe variant. Kijk ook op www.nynstyles.nl. € 44,95

Chantal út Drachten ûntwerpt sels û.o. dizze knuffeltsjes mei de nammen Beau, Bibi en Boaz. Ek makket se de stokhynderkes sels. Pronkstikjes foar yn de bernekeamer én fantastysk om mei te boartsjen! Dit en folle mear moais te krijen fia www.letsc.nl

Spetter, spetter ... en oare ferskes De moaiste (opsis)ferskes en sykplaten út de Tomke-boekjes fan de ôfrûne 20 jier. Tomke hat se sels foar dy útsocht! Mei prachtige yllustraasjes fan Linda de Haan. De ferskes binne fan Geartsje Douma, Hindrik van der Meer, Jurjen van der Meer, Auck Peanstra en Riemkje Pitstra. Afûk, € 9,95

Juster hjoed moarn Martha fan ‘Gewoon te gek’ hat sels in Fryske aginda ûntwurpen. De aginda fan A5-formaat hat ien wike op twa siden, der is romte foar adressen en notysjes en der steane leuke kwotes yn. Mei leafde makke. Foar € 15,95 te bestellen fia www.gewoontegek.com of te krijen yn de Afûkwinkel.

Zelfvertrouwen Bij de jongenscollectie van Z8 draait het deze winter om zelfvertrouwen. Op de longsleeves en sweaters staan teksten als: ‘It’s good to be me’ en ‘Perfect is boring!’ Meer zien? Kijk op www.z8.nl.


Bysûndere bertekaartsjes Nei trije moaie dochters is op 19 febrewaris ús jonkje Willem berne. Hy is ferneamd nei pake Willem. Wy sochten in stoer kaartsje. En om’t wy sels in Kever ha, hawwe wy dit kaartsje nei ús eigen winsk ûntwerpe litten by heyboyheygirl.nl.

It gedichtsje ha wy sels skreaun, en neisjen litten troch heitenmem.nl :-) Wy binne hiel bliid mei it resultaat en we hawwe dan ek in soad moaie reaksjes krigen. Groetnis Jetze en Antsje Koster, Droegeham.

Wy binne tige wiis mei ús bertekaartsje en woene dit ek oan jimme sjen litte. It ûntwerp is fan Alma Langerak, dy’t op basis fan foto’s in animaasje fan ús makke hat. Ús famke Rinsina is ferneamd nei beide beppes: Rinske en Regina. Troch de komst fan ús famke ha we ek nochris fjouwer generaasjes! Grutsk! Leafs Gerbranda, Eelke Jan en Rinsina de Graaf, Damwâld.

Ik fyn ús bertekaartsje best wol unyk. It formaat en it materiaal sjochst hast noait foarbykommen! It kaartsje is ôfmakke mei in stoer stikje denim. Mar it unykste is de namme natuerlik: Soan! Wat yn it Frysk fansels soan betsjut, mar wy sprekke it út as So-an! Hy is de earste yn Nederlân dy’t sa hjit! Is dat net bysûnder en unyk!? Groetnis fan Gert, Fokje & Soan, Damwâld.

Wisto dat op heitenmem.nl ek Fryske bertegedichtsjes steane? En dat heit&mem fergees alle Fryske teksten foar op bertekaartsjes, rou- en troukaarten foar jim neisjocht? De teksten kinne maild wurde nei ynfo@heitenmem.nl.

14

15


Thea van der Schaaf

‘ Bern hawwe it fermogen om by poppen fuort te fantasearjen, sa’t wy dat as folwoeksenen al lang net mear kinne.’


Kening Hert & Harry Hazze Hoe soargest datst yn de oerfloed fan filmkes, flogs en apps dêr’t bern hjoed-de-dei ûnder bedobbe wurde, orizjineel bliuwst yn watst oanbiedst? Op in sadanige wize datst in boadskip oerbringe kinst dêr’t bern wat oan hawwe yn harren ûntwikkeling? Mei it berneprogramma Kening Hert & Harry Hazze is it Omrop Fryslân slagge de bern te berikken, en dat hat yntusken Europeeske oandacht krigen.

Kening Hert & Harry Hazze is in telefyzjeprogramma foar bern fan groep 1 en 2 fan de basisskoalle, wêryn’t oan de hân fan alderhanne tema’s mei in poppespul in hiel soad saken besprekber makke wurde. De grûnlizzer fan it idee foar dat programma is Feije van der Meer. Al hiel wat jierren makket hy edukative skoaltelefyzjeprogramma’s foar Omrop Fryslân en doe’t der in nij programma betocht wurde moast, hie hy it idee foar in poppespul. Feije: ‘Ik hie soks ris sjoen yn it teater. It spul mei poppen spruts my o sa oan, en ik seach wat it die mei de jongere bern yn de seal. Sy hawwe it fermogen om by poppen fuort te fantasearjen, sa’t wy dat as folwoeksenen al lang net mear kinne. Ik seach yn sa’n poppespul in kâns foar in nij edukatyf berneprogramma by Omrop Fryslân. Mar soks wie noch nea earder dien. En telefyzje is wol hiel wat oars as teater, dat der moast in flinke fertaalslach makke wurde yn it poppespulkonsept.’ De mimyk fan de akteurs Neist it aktearjen mei poppen kamen der noch in hiel soad oare saken nei foaren dêr’t oer neitocht wurde moast. Feije: ‘By Sesamstraat bygelyks wurdt ek mei poppen wurke, mar dêr sjochst allinne de poppen yn byld. By Kening Hert & Harry Hazze binne sawol de pop as de akteur yn byld. Dy mimyk fan de akteurs jout in hiel soad ekstra’s oan it spul, mar makket ek datst oer in hiel soad saken tagelyk

16

17

neitinke moatst. Want hoe litst in pop skrikke, laitsje, of gûle? Wêr sjocht de pop hinne en wêr sjocht de akteur dan hinne? Hokker mimyk brûkst by it útsprekken fan dyn tekst? Hoe soargest dat dat oerkomt op hiel jonge bern? Dêr hawwe wy workshops foar folge en sa ha ik mei Brecht Wassenaar, dy’t Harry Hazze spilet, Thijs Meester, dy’t de rol fan Kening Hert hat, kameraman René Dijk en ljochttechnikus Maarten Bruining de wrâld fan it poppespul ûntdutsen.’ Yn Europeeske priis De orizjinaliteit fan it programma foel ek op by de sjuery fan de Prix Circom Awards, in wichtige Europeeske priis foar regionale omroppen. De ôflevering ‘De do is dea’ fan Kening Hert & Harry Hazze wûn yn de kategory Amusemint/drama. “Eltse moarn hear ik ‘roekoe roekoe’, mar dat haw ik de hiele moarn al net heard.” “Ja no ast it seist... Dora de do? Wêr bisto?” “Och! Hjir leit se. Och leaf doke dochs. Is se miskien siik? Ik helje in dokter.” “Nee Harry, lit mar hear. Dora de do is eh, is dea. Har hertsje kloppet net mear. Se ademt net mear en seit gjin roekoe mear, we sille ôfskied fan har nimme moatte. Dan lizze we har yn in moai kistje en dan begrave we har, yn de grûn. En dan sizze wy dach.” – fragmint út de ôflevering ‘De do is dea’, skreaun troch Nynke Klompmaker.


Foar bern is de dea in ûnderwerp dêr’t net in protte oer praat wurdt. Dêrom makke Omrop Fryslân dizze ôflevering, dy’t yngiet op (berne) fragen oer de dea. Feije: ‘Der is gjin libben sûnder dea. Bern krije op in gegeven momint mei de dea te krijen. It heart by de wrâld dêr’t wy yn libje. De ôflevering lit sjen hoe’t je mei de dea omgean kinne en dat de ien oars reagearret as de oar.’ De sjuery wie ûnder de yndruk: ‘It liket wol of moat it foar bern hjoedde-dei hyltyd flugger en flitsender. Oant wy dit programma seagen. In stel eigenwize Friezen dy’t, tsjin alle regels dy’t hjoed-de-dei lykje te jilden yn, in berneprogramma meitsje dat yn alle ienfâld hiel bysûnder wurden is. It dekôr, it ljocht, de poppen en de akteurs, alles kloppet. Hoe faker we it sjogge, hoe moaier we it fine.’

Leare, laitsje en groeie Kening Hert & Harry Hazze is ien fan de telefyzjeprogramma’s dy’t makke wurde foar SkoalTV. Foar ferskillende groepen fan de basisskoalle en it fuortset ûnderwiis makket Omrop Fryslân programma’s. Allegear mei in eigen útstrieling en foarm fan edukaasje, mar ek allegear fanút in fisy om by te dragen oan de ûntwikkeling fan de bern. De Fryske identiteit en de taal is dêrby de basis. Fan dêrút wurdt alles betocht en makke. Elk programma foar SkoalTV wurdt makke om it bern leare te litten, laitsje te litten en groeie te litten. Mei it Frysk as foarsprong op de wrâld en as basis foar de eigenwearde fan it bern. Benijd wat der dit skoaljier te sjen en te learen is by SkoalTV? Sjoch op de webside óf download de app.


PJUT

Paul van Dijk is skriuwer, yllustrator en makket graach muzyk. Hy hat in oantal Fryske berneboeken skreaun en is heit fan soan Hidde.

We ride oer in slingerdykje, myn soan en ik. Bûten is it sinneskynwaar en wy binne foar it earst ûnderweis nei it pjutteboartersplak. We moatte der om healwei ienen wêze, mar de slingerdyk is koarter as ik tocht – we binne der in kertier te betiid. Ik draai de auto it parkearplak op en we rinne it skoalplein oer. Hidde sjocht my oan en glunderet: ‘Ik haw der sin oan, heity, jippy!’ Mar as ik de swiere bûtendoar iependoch en we troch de stille gong rinne, wurdt it mantsje wol wat stiller. Fierderop sitte de juffen te wachtsjen. Twa leave, freonlike froulju dy’t entûsjast nei ús wiuwe. Hjir doar ik him wol achter te litten. We binne dus de earsten. Ik sjoch oan Hidde dat er it wol hiel spannend fynt as juf troch de knibbels giet en tsjin him begjint te praten. ‘Moatst mar ris even yn it lokaal sjen,’ seit juf. Mei grutte eagen sjocht er om him hinne. Op ’e tafels lizze moaie puzels. Safolle hat er thús net! ‘En allegear boartersguod, heit!’ seit er. ‘Oe, en boekjes!’ Hy rint wat hinne en wer, wit net rjocht wat er as earste dwaan sil, en pakt úteinlik in puzel. Unopfallend rin ik nei de juf en jou har myn nûmer, “foar as der wat is”. Ik merk it by de noas lâns op; as oft ik dit wol faker by de ein hân haw. Juf jout in bemoedigjend knikje. Hidde hat de puzelstikjes allegear op it goeie plak dellein as ik sis dat ik fuortgean. Net te lang hingjen bliuwe, Van Dyk, hie ik mei mysels ôfsprutsen. Hidde sjocht my even oan mei syn blauwe glinstereagen en glimket dan. ‘Dach heit,’ seit er sacht. Blinder, dêr hie ik net op rekkene, earlik sein. Juf tilt him op en se wiuwe my fleurich út. Mei de sturt tusken de poaten naai ik út en as ik noch in lêste kear achteromsjoch, is er al mei autootsjes dwaande. Dat makket yndruk op my. Ik besef dat ik samar even oan ’e sydline stean en dat it no de bedoeling is dat ik ek myn eigen dingen dwaan gean. Mei in knoop yn ’e mage rin ik werom nei it parkearplak. Der komme oare auto’s oanriden. In pear memmen en noch in heit. Hiele grutte auto’s, mei hiele lytse ukjes. As ik thúskom en de gong yn stap, trillet de tillefoan. Sjochst no wol, tink ik, dat sil de juf wêze: Hidde wol hiel graach nei syn heit, jo binne fierstente fluch fuortgien! Ik sjoch it al hielendal foar my. Mar it is net sa. It is in appke fan myn frou. ‘Hoe gie it mei Hidde?’ freget se. ‘Goed! ’ stjoer ik werom. It duorret even foardat ik wer in berjocht krij. ‘En mei heit?’ freget se. Paul van Dijk www.paulvandijk.frl

18

19


ADVertentie Als (helpen) opgroeien een uitdaging is

Sandra Russell is pedagoog en projectleider jeugdzorg bij Cedin. Sandra is getrouwd en heeft 2 kinderen.

De maandag na de zomervakantie stond ik met mijn zoon op het schoolplein te kijken naar de blije gezichten van alle leerlingen die zin hadden om weer naar school te gaan. Een ander klaslokaal, een nieuwe leerkracht; het is altijd even wennen aan het begin van het schooljaar. Ieder kind moet zijn plek binnen de groep weer vinden. Bewust en onbewust bepalen de kinderen hoe ze zich binnen de groep gaan gedragen. De leider van de groep staat op, maar de zondebok wordt ook aangewezen. Vorig jaar is Eline van 11 jaar bij ons in de behandeling geweest. Eline was in haar klas de zondebok. Ze hoorde niet bij de groep en was het slachtoffer van kleine pesterijen. Dit had grote invloed op haar dagelijks handelen. Ze kreeg lichamelijke klachten en was enorm onzeker. Het heeft lang geduurd voordat ze aan haar ouders durfde te vertellen dat ze gepest werd door haar klasgenoten.

‘Kinderen hebben genoeg redenen om niet aan hun ouders te vertellen dat ze gepest worden’ Volgens mijn collega Anneke Sterenberg, GZ psycholoog en lid van het ConsultatieTeam Pesten, hebben kinderen genoeg redenen om niet aan hun ouders te vertellen dat ze gepest worden. Ze zijn bang dat hun ouders te emotioneel reageren of de daders te voortvarend aanpakken. Ook willen kinderen hun ouders niet ongelukkig maken, want natuurlijk zijn ouders van slag als ze horen dat hun kind gepest wordt. Daarnaast denken kinderen vaak dat er toch niets aan gedaan kan worden. Vaak hebben ze die ervaring al en durven ze er niets meer over te zeggen. Gelukkig heeft Eline toch de moed gehad om het te zeggen. Haar ouders hebben contact met ons opgenomen en wij hebben met Eline gewerkt aan haar sociale vaardigheden en weerbaarheid. Hierdoor kwam ze steviger in haar schoenen te staan. Ze is zelfverzekerder geworden en durft haar mannetje te staan. In overleg met Eline, haar ouders en de school is collega Anneke met de klas van Eline aan de slag gegaan om het pesten te stoppen. In de klas zat één leider en zijn meelopers die de rest van de groep op sleeptouw namen en ervoor zorgden dat Eline de zondebok werd. Deze vicieuze cirkel is doorbroken. Het maakt me altijd weer blij dat we bij Cedin deze driehoek kunnen maken: we helpen het kind en als het nodig is gaan onze onderwijskundigen aan de slag op de school van het kind. Hiermee helpen we het kind echt verder. Heb je vragen? Klop gerust bij ons aan. Wij helpen je graag op weg!

Sandra Russell

Thuis en school worden op elkaar afgestemd

Je kunt bij ons terecht voor o.a.: Onderzoek en behandeling van dyslexie Kinder- en jeugd GGZ Vragen over opvoeding en ontwikkeling Ziek zijn en onderwijs Paramedische zorg Thuiszitters

> Persoonlijk contact > Geen wachtlijsten > Zorg voor het kind en zijn omgeving 0-23 jaar

Een kind aanmelden voor consultatie Neem contact met ons op via: zorg@cedin.nl 088 0200 300 www.cedinzorg.nl

Wij helpen je meteen!


Hendrik (2) tsjin oma: ‘Oma, wat is dat?’ ‘Een oorbel, Hendrik’, antwurdet oma. Hendrik fielt even. ‘Hij doet het niet, oma.’ Dan fielt er oan ’e oare kant en seit: ‘Tringgg!’

BERNEPRAATSJES Hat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei ynfo@heitenmem.nl.

As heit prûste moat, seit Froukje (3) netsjes: ‘Gezondheid!’ En as mem in dei letter ek prûste moat, seit se: ‘Gezondmem!’

Alisia (5) seit: ‘Mem, myn broeksmouwe is wiet!’ Mem fertelt Rienk (4) dat beppe har wc ferstoppe is. Rienk wit wol in oplossing. ‘Och mem, dan sykje ik him wol even op foar beppe.’

It reint as Liz (3) yn de auto sit, mar dat is net slim neffens Liz. ‘Want gelokkich ha wy wissewappers op de auto, no mem?’

Ivo (5) stiet yn de file, mar wit dêr in folle better wurd foar te betinken. ‘Mem, is dit no in autopolonêze?’

Fenna (6) seit tsjin har heit dat har

As heit syn overal oanstrûpt, seit dochter Hinke (10): ‘Wau, wat hat heit in moaie onesie!’

noas ferstoppe sit. ‘Ja, dy fan my ek’, antwurdet har heit. Jens (4) begrypt der neat fan. Hy sjocht fan de ien nei de oar en seit: ‘Mar ik sjoch jim noazen wol hear!’

20

21


Linda Keekstra-Leystra is 25 jier en 32 wiken yn ferwachting. Begjin septimber ferwachtsje sy en har man Stephan Keekstra harren earste berntsje.


Dieuwke van der Meer

No is it ús beurt ‘Moaier koe ús jier net begjinne. Op twa jannewaris dienen wy in test. Nei trije jier kaam ús winsk einlik út en wat wienen wy bliid. Nei safolle tsjinslaggen koenen wy it hast net leauwe. Mar it wie echt sa. Ik ha it ús mem as earste ferteld. Ik lokke har nei ús hús ta mei in smoeske. Dêrnei ha wy it ús famylje en bêste freonen ferteld. Se hawwe allegear de ôfrûne jierren hiel bot meilibbe. Guon krigen sels bern en dat wie soms even slokken. Mar no is it ús beurt en dêr genietsje wy folop fan. De swangerskip giet op himsels prima, al bin ik noch altyd hiel faak mislik en oan it spuien. Soms falt it iten krekt even ferkeard en dan is ’t wer mis, mar somtiden is it ek wer in pear dagen goed. No op it lêst ha ik sa no en dan wat maachsoer dat omheechkomt. Ek ha ik wat lêst fan spierkrampen en hâld ik wat focht fêst mei it hite waar. Mar foar de rest mei ik echt net kleie hear.

Wy witte it geslacht noch net. Wy binne al sa tankber dat ik yn ferwachting bin, dat it ús echt hielendal neat skele kin oft it in jonkje of in famke wurdt. It bliuwt lekker in ferrassing. Wy ha de nammen al betocht en de bertekaartsjes al útsocht. Ek de babykeamer is klear. Wy ha it neutraal hâlden. It measte is swart/wyt mei wat mint. Alles moai rêstich en strak. En de befalling? Ach, ik lit it allegear wol op my ôfkomme. It rint dochs altyd oars en boppedat is der noch noait ien sitten bleaun. Wy kinne net wachtsje om ús berntsje yn ’e earms te sluten. Dan kin ús nije gesinslibben écht begjinne! ’

Wolst witte hoe’t de befalling fan Linda gien is en hoe’t de poppe derút sjocht? Gean nei www.heitenmem.nl foar it ferfolch!

Bisto yn ferwachting en wolst ek meidwaan oan dizze rubryk? Mail in foto fan dysels mei in koart ferhaaltsje derby nei ynfo@heitenmem.nl

22

23


Yn 2018 mei it hiele gesin nei de Taletún fan Lân fan taal Sjoukje Jager

Boarters- en ûntdekkersplak foar bern. Speel- en ontdekplek voor kinderen. Play and discovery area for children.

Yn 2018 is Ljouwert/Fryslân kulturele haadstêd fan Europa en is der rûnom yn de provinsje fan alles te dwaan. Yn Ljouwert fynst bygelyks de thúsbasis fan Lân fan taal mei û.o. yn de Prinsetún de Taletún. Dêr moatst écht even hinne!

Taletún Fan april oant en mei oktober 2018 wurdt de Prinsetún transformearre ta Taletún en wurdt dêrmei ‘the place to be’ foar skoallen én gesinnen. Foar alle leeftiden is der wat te dwaan. Gean mei dyn bern op syk nei letters, wurden en ferhalen yn allerhanne talen. Boartsje yn, op en mei de ferskillende boartersobjekten dy’t troch de hiele tún te finen binne. Of genietsje gewoan fan in drankje en in hapke yn it Talepaviljoen … no ja, gewoan?

Talepaviljoen Yn it Talepaviljoen - ek wol ‘livingroom of languages’- silst erfare dat taal mear is as it sprutsen wurd. Dêrnjonken is it ít moetingsplak foar oare talen en taalmienskippen yn Europa, Nederlân en Ljouwert. Dat aspekt silst ek weromfine op bygelyks de menukaart. Op fêste mominten yn de wike wurde der ek optredens en oare aktiviteiten programmearre.

Spesjaal sneonsprogramma Yn de hiele perioade dat de Taletún iepen is binne der fyftjin sneonen mei in spesjaal programma foar bern yn de leeftiid fan 0 oant en mei 12 jier, harren âlders en pakes en beppes. Sa kinne jim skriuwers, muzikanten en oare artysten tsjin it liif rinne, mar ek meidwaan oan workshops en allerhanne oare leuke (talige) aktiviteiten.

Lân fan taal is in frijsteat foar álle talen fan de wrâld mei it Frysk as pronkstik. Yn hiel 2018 fiere wy de taal mei tal fan aktiviteiten, foarstellingen, útstellingen, ensfh. Sjoch foar alle ynfo op www.lanfantaal.nl.


Janneke de Boer

Lân fan taal – a free state for all languages Frysk, Ingelsk, Hollânsk, Syrysk, braille of gebeartetaal: Yn ien fan de grutste LF2018projekten is romte foar álle talen. De rykdom fan taal fiere, en sjen litte dat der foar elke memmetaal plak is, dat wolle de organisaasjes efter Lân fan taal de taskôger meijaan. Wy fregen Anne Graswinckel, projektlieder edukaasje fan Lân fan taal, om in taljochting te jaan oan ’e hân fan inkele fan harren eigen statements.

Vier de taal ‘Lân fan taal wol minsken bewust meitsje fan taal yn al syn fasetten. Wat is de rol fan taal yn dyn libben, hoe giest mei taal om. Kommunikaasje is mear as inkeld wurden en wurdt ynset yn safolle ferskillende sitewaasjes’, seit Anne. Tegearre sitte wy op in bankje yn de Prinsetún en Anne leit út wêr’t se op doelt: ‘Sjoch, dy jongeren, dat binne neffens my studinten. Dy beide oaren binne de dosinten en je kinne dêr sa út opmeitsje wat sa

24

25

ûngefear de rangoarder yn de groep is. Dêre lizze boaten oan ’e kant, dy boatsjeminsken witte presys wêr’t dat wol en net mei. Wy minsken kommunisearje boppedat sa’n 70 persint fan de tiid op non-ferbale wize, dus sûnder wurden. Mei Lân fan taal wolle wy der yn 2018 in unyk taalfeest fan meitsje, foar alle soarten taal.’ Taal geeft betekenis ‘Taal jout betsjutting oan jins libben. Want ek al seit immen “ik ha neat mei

taal”, dochs hinget alles yn ús libben gear mei taal. Ferbaal, non-ferbaal en rûnom yn de maatskippij. Wy wolle minsken bewust meitsje fan de rol fan taal yn har libben. Hoe fielt taal, hoe rûkt taal? Bist in taalleafhawwer of hast it dreech mei taal troch bygelyks fysike problemen sa as dôvens? It is wichtich om te learen dysels te uterjen yn taal, hoe maklik of just ûngemaklik dat somtiden ek is’, leit Anne út en ûnderwilens wiist se nei de jongeren: ‘Sjoch, sy kommunisearje de hiele dei, ek al binne sy


harren dêr net bewust fan. Wy soene taal foar harren mear betsjutting jaan wolle.’ Laat taal leven Lân fan taal is in projekt fan ferskate organisaasjes dy’t allegearre op de ien as oare wize mei taal dwaande binne, sa as bygelyks Provinsje Fryslân, Afûk, Fryske Akademy, Neushoorn, Tryater en de biblioteek. ‘Binnen Lân fan taal binne wy mei in hiele protte organisaasjes in partnerskip oangien. Alle partners hawwe in part fan it projekt yn hannen en sy wurkje allegearre fanút deselde kearn: talen in oar plak te jaan yn je bewustwêzen. Taal libbet, soargje der goed foar, sizze wy. As je in taal, hokker dan ek, net brûke, giet er dea.’ Spreek je uit ‘Oft it no giet om Frysk of Papiamintsk; sprek dy út. Jou dyn memmetaal in plak yn dyn

libben, hoe lyts dy taal ek mar is. Wy wolle mar sizze, wa bisto yn kombinaasje mei taal? Hoe giest ferbaal en non-ferbaal mei dyn omjouwing om? Sprekt in Grinzer in oare nonferbale taal as in Fries? Hokker taal is de taal fan dyn hert? Wat is dyn motivaasje om dyn memmetaal te brûken? Watfoar taal wolst dyn bern meijaan? De memmetaal is tige wichtich foar minsken, en dan makket it net út wêr’t je weikomme of hokker taal dat is.’ Speel met taal ‘Fyn in fijne wize om utering te jaan oan wa’tsto bist. Oftst dat no sjongend, tekenjend, dichtsjend of dûnsjend dochst, by de Lân fan taal-aktiviteiten kin soks allegear. Siart (red.: Smit, projektlieder Lân fan taal) hat it dan oer de onstoffelijke kwaliteit fan taal: dyn leafde foar taal en de needsaak om dy te uterjen. Op ús website fynst in grutte samling aktiviteiten en it programma groeit noch hyltyd. Je kinne

in besite bringe oan de Taletún, oan taalekspo OBE, mar bygelyks DNALWD2018 en 8ste dag hearre ek by ús taalfeest. It oanbod is sa grut dat wy minsken dan ek oanriede wolle om op www.lanfantaal.frl lekker om te strunen en sa al fan alles te ûntdekken.’ Ljouwert-Fryslân 2018 wol graach in saneamde legacy, in erfskip, neilitte nei 2018. Anne dêroer: ‘Wy wolle taal in oar plak jaan yn ús maatskippij, yn ús bewustwêzen. Je hoege net fêst te hâlden oan hoe’t je it altyd dien hawwe. Guon fan ús projekten rinne troch oant en mei 2020. Dêrmei, en dus mei Lân fan Taal yn it algemien, wolle wy minsken fan alle leeftiden in oare wize fan tinken meijaan, sadat sy doare te skriuwen, te lêzen, te dûnsjen en te dichtsjen yn har eigen taal. Hokker taal dat dan ek mar is.’


Lân fan taal in vogelvlucht Waarom is er taal? Wanneer heb jij taalplezier? Heb je ook wel eens last van taalverdriet, taalongeluk, taalstress? Lân fan taal zet (ook) kinderen en gezinnen graag aan het denken over taal. In 2018 zijn er veel activiteiten, routes, apps en lessen. In Leeuwarden en de provincie, op en buiten scholen. Altijd gaat het over de liefde voor en de noodzaak van taal. Waar kun je je nu alvast op gaan verheugen? Talentuin (0-12 jaar) Prinsentuin | Leeuwarden | 30 maart t/m 28 oktober De Prinsentuin in Leeuwarden wordt in 2018 getransformeerd tot Talentuin, vol belevenissen voor gezinnen en schoolklassen. Speelobjecten - ontworpen en gemaakt door de kunstenaars Machiel Braaksma, Bouke Groen en Sibe Jan Kramer -, interactieve installaties, spannende routes: er is van alles te doen! Sjong! Zing! Sing! (6-12 jaar) provincie & Leeuwarden | LF2018-lied januari & finale juni (tijdens City Proms) Wat is er nu fijner dan zingen in de klas? In het Fries, een andere taal of zelfs meertalig? Scholen en klassen schrijven in ‘17-‘18 een eigen liedtekst en doen daarmee auditie voor een talentenjacht in mei. Als warming up worden scholen uitgenodigd om mee te zingen met Nynke Laverman en het Noord Nederlands Orkest tijdens de officiële opening van het Culturele Hoofdstadjaar! Tryater - Karawane (10-12 jaar) in de Friese theaters | voor schoolklassen | 2 maart t/m 26 april Karel heeft de zaken graag helder en geordend op een rijtje. Dan komt er een bijzonder gezelschap op zijn pad. ‘Kin ik hjir de jas útdwaan?’, vraagt Karel. Maar het drietal geeft daar geen antwoord op. Ze noemen hem Babel en nemen hem mee in een wereld waar alles taal is. In deze avontuurlijke voorstelling voeren muziek, dans, en poëzie het hoogste woord! Game - US: Lân fan taal (12+) gratis te downloaden voor iOS en Android vanaf 28 januari Met een fonkelnieuwe game ontrafel je een eeuwenoud mysterie! Het is 1867. Cornelis over de Linden ontdekt een manuscript in runenschrift over een 4.000 jaar oude Friese beschaving. Hij onthult zijn vondst en in 1872 wordt het uitgegeven onder de naam ‘Oera Linda’. Maar is het stuk betrouwbaar of hartstikke vervalst? Sluit je aan bij een van de drie geheime genootschappen en ga met je smartphone als (taal)wapen in Leeuwarden op zoek naar antwoorden!

lanfantaal.frl 26

27

Taal-Kit Bij Lân fan taal hoort een uitgebreid educatie­ programma. Zo kunnen alle scholen uit primair en voortgezet onderwijs de gratis Taal-Kit aanvragen. Vol lesideeën, taalonderzoekgegevens, 21e eeuwse taalspelletjes, themaprojecten en tips van schrijvers.

Foto’s Lân fan taal: Tryntsje Nauta en Heleen Haijtema


Muzyk makket bern wizer Klasina van der Werf


Muzyk op skoallen wurdt hieltyd wichtiger. Troch in nije regeling (Impuls Muziekonderwijs) wurkje hieltyd mear basisskoallen oan better muzykûnderwiis. Yn Fryslân dogge al sechtich skoallen mei. ‘Gelokkich mar’, seit direkteur Kees Dekker fan muzykskoalle Opus 3 yn Dokkum. ‘Want muzyk is ûnmisber foar in goeie ûntjouwing fan it bern.’

Oant no ta waard op de measte skoallen net folle dien oan muzyk. Neffens muzykdosinten Coby Helder-Kuik, Zwaanette Dijkstra en Kees Dekker fan muzykskoalle Opus 3 lei de fokus foaral op rekkenjen en taal. Dêr is feroaring yn kaam sûnt neuropsycholooch Erik Scherder (bekend fan De Wereld Draait Door) oantoand hat dat muzyk goed is foar it bernebrein. By bern dy’t musisearje wurdt de ferbining tusken de beide harsenhelten grutter. Sa krije se mear ynsicht yn bygelyks rekkenjen en taal, mar it hat ek in posityf effekt op it ûnthâld. ‘Hoe jonger bern mei muzykles begjinne, hoe better. Dêr hasto de rest fan dyn libben profyt fan’, seit Zwaanette, dy’t al jierren lesjout oan bern op basisskoallen. ‘Muzykles is hiel breed. Ik lis altyd in link mei oare fakken, lykas skiednis of ierdrykskunde. As wy it oer sambamuzyk hawwe, fertel ik wêr’t dat wei komt. Op it digiboerd komme al gau plaatsjes fan minsken mei rastahier tefoarskyn en dan hawwe wy it oer gewoanten yn oare kultueren. Mar ik lit bern ek wol sels teksten skriuwe op guon ferskes. Dêr leare se de taal goed fan. Foar rekkenjen is muzyk ek in moai middel om bygelyks sjongendewei de tafels te learen. Dan ûnthâlde de bern it better.’ Klik mei ynstrumint Dizze manier fan lesjaan is neffens Coby Helder-Kuik in moai foarbyld fan it plan dat sy tegearre mei Kees Dekker fan de Dokkumer muzykskoalle makke hat foar basisskoallen yn Noardeast-Fryslân. Likernôch tweintich skoallen meitsje dêr al gebrûk fan. Coby: ‘Yn de ûnderbou wurkje wy mei de muzykmetoade “Eigen-wijs Digitaal” foar it digiboerd yn ’e klasse. It is in moai helpmiddel foar learkrêften om muzykles te jaan. En foar de bern is it in goeie basis.’

28

29

It plan fan Coby en Kees giet fierder yn de middenbou. Dan meitsje de bern kennis mei alle ynstrumintgroepen dy’t der binne (blaas, slach, snaar en toets). ‘De iene perioade fan 5 lessen spylje se gitaar en de oare perioade op it keyboard, djembé, ensfh. Op dizze manier ûntdekke bern mei hokker ynstrumint sy in “klik” hawwe. De gitarist fan Douwe Bob is troch sa’n projekt yn ’e kunde kaam mei de gitaar’, wit Kees Dekker. It is neffens him hiel wichtich dat bern leare hokker ynstrumint se leuk fine en wêr’t se goed yn binne. ‘Oars hâlde se in negatyf gefoel oer oan muzyk en dat soe jammer wêze, want elk bern is muzikaal. Mar wol op syn of har eigen manier.’

‘ Muzykles op skoalle wurket allinnich asto it oer in langere perioade dochst.’ Muzyk ferbroedert Coby fynt it moai om te sjen hoe’t learkrêften fan basisskoallen omgeane mei de kursussen dy’t sy jouwe om harren te stypjen by it jaan fan muzykles. ‘Ien learaar learde gitaarspyljen en doarde it oan om syn gitaar mei te nimmen nei de klasse. Hy wie senuweftich en die syn fingers ferkeard. In jonkje út de groep seach dat en fertelde him hoe’t it moast. Meester lústere nei him. Der ûntstie respekt foar inoar. Dat is dochs geweldich. Wát in wikselwurking. De sfear yn ’e klasse sloech dêrnei gelyk om. De bern wiene meilibjend nei de meester ta en hy naam de bern serieus. De muzyk soarge foar ferbining.’

Dat muzyk ferbroedert blykt ek yn ’e boppebou fan skoallen dy’t meidogge oan it muzykprogramma fan Opus 3. ‘Yn de boppebou meie de learlingen meielkoar muzyk meitsje yn in band of in orkest, of sjonge yn in koar. Dêrtroch wurdt it groepsgefoel en de dissipline fersterke, mar ek de sosjale feardichheden. En – wat miskien noch wol it belangrykste is – se leare mei emoasjes om te gean. Want muzyk is emoasje’, seit Coby. Respekt foar inoar It úteinlike doel is neffens de direkteur fan Opus 3 dat de learlingen fan groep 8 in pleinkonsert jouwe. Kees Dekker: ‘Sa leare se dat se sels oefenje, mei respekt foar inoar. Dat se harren presintearje, poadiumûnderfining opdogge. Dat se sjen litte dat muzyk meitsjen mear is as in oanleard keunstje. Want se witte krekt wat se dogge. En it moaie oan muzyk is: it kin op in hiel soad ferskillende manieren. En alles is goed! Muzykles op skoalle wurket allinnich asto it oer in langere perioade dochst. Dêrom hoopje ik dat skoallen ek trochgeane mei muzyk yn ’e klasse as de subsydzje aanst nei trije jier ôfrûn is. Dit is in ympuls, in stimulâns. Mar as wy no sjogge wat der al op skoallen bart, dan hawwe wy goeie hoop dat muzyk yn it ûnderwiis einlings de oandacht kriget dy’t it fertsjinnet.’


Nynke van der Zee

Hoe litte wy smoken yn reek opgean?

Hoe foarkom ik dat myn bern begjint mei smoken? 1. F erdjipje dy yn it ûnderwerp, sadatst dyn puber presys fertelle kinst wat de gefolgen fan smoken binne.

Set radio of telefyzje oan en grutte kâns datst in reklamespotsje fan de antysmookkampanje sjochst of hearst. Skoalpleinen, sportkantines, jeugdhonken: allegearre binne se tsjintwurdich smookfrij. En dochs begjinne der yn Fryslân alle dagen fjouwer bern oan harren earste sigaretsje. Hoe kin it dat smoken noch altyd populêr is? En wichtiger noch: hoe kinst dat as heit en mem foarkomme?

2. Besprek it ûnderwerp smoken op in relaxte wize. Lis net de klam op alle ferskriklike syktes, mar besprek foaral de koartetermyngefolgen: giele tosken, in rapper ferâlderjende hûd en minder kondysje. 3. Smookst sels? Stek dan gjin sigaret op yn ’e buert fan dyn puber. 4. Mar noch better: jou it goede foarbyld en hâld sels op mei smoken. Sjoch op www.stoppenmetrokeninfryslan.nl foar deskundige begelieding. Sjoch op www.rokeninfo.nl of www.hoepakjijdataan.nl foar goeie tips. Foar jongeren is der de webside www.jongeren.rokeninfo.nl.


% Rokers in Fryslân 19 jaar en ouder 26% 25%

25%

24%

24% 23% 22%

21%

21% 20% 19%

2010

2012

Smoken leit al jierren ûnder fjoer. Dochs komme der noch altyd nije, jonge smokers by. De helte fan de pubers smookt it earste sigaretsje op it skoalplein. Hoe kin dat? ‘Daar is helaas niet één specifieke oorzaak voor aan te wijzen’, skodhollet Bert Soenveld. Hy is funksjonaris sûnensbefoardering by GGD Fryslân. ‘Bij het beginnen met roken spelen meerdere mechanismen een rol. Denk aan groepsdruk, maar ook verslavingsgevoeligheid en de ontwikkeling van het puberbrein.’

‘ Natuurlijk is dat eerste sigaretje niet lekker, maar daar heeft de tabaksindustrie iets op gevonden.’ ‘Brain under construction’ Ut ûndersyk fan GGD Fryslân blykt dat de measte bern yn it twadde as tredde jier fan it middelber ûnderwiis begjinne mei smoken. Se binne dan sa’n trettjin of fjirtjin jier. ‘Op die leeftijd zijn de hersenen van pubers nog volop in ontwikkeling’, fertelt Bert. ‘Het deel van de hersenen waarmee pubers rationele, weloverwogen beslissingen nemen, is nog niet volledig ontwikkeld. Dat betekent dat ze continu grenzen opzoeken en zich in hun gedrag vaak laten leiden door emoties.’ Wa’t him liede lit troch emoasjes sil earder oanstriid hawwe om dingen te dwaan dy’t oaren fan him ferwachtsje. ‘Groepsdruk is een tweede oorzaak die meespeelt’, knikt Bert. ‘Als puber wil je bij een bepaalde groep horen.

30

31

Giet smoken stadichoan yn reek op? Alle jierren stjerre der yn Nederlân sa’n 20.000 minsken oan de gefolgen fan smoken. Yn Fryslân binne dat der goed 800. GGD Fryslân hâldt sifers by fan it oantal smokers yn Fryslân. Yn 2010 smookte ien op de fjouwer Friezen. Ferline jier wie dat oantal ôfnommen nei ien op de fiif.

2016

Wanneer roken in deze groep de normaalste zaak van de wereld is, zul je zelf ook eerder je eerste sigaret aansteken. Je neemt het gedrag van de groep over. Natuurlijk is dat eerste sigaretje niet lekker, maar daar heeft de tabaksindustrie iets op gevonden.’ De smaak fan ferslaving Wa’t eartiids as puber syn earste sigaretsje oanstuts, hong faaks noch dyselde deis boppe de wc-pot fanwege in mislik gefoel yn ’e mage. Boppedat bleau dy nuvere smaak fan brân noch oeren yn ’e mûle hingjen. Net echt motivearjend om in twadde peuk oan te stekken. En dus hat de tabaksyndustry dêr wat op betocht. ‘Door er suiker, cacao of vanille aan toe te voegen, krijg je sigaretten met een mildere smaak’, wit Bert. ‘Bovendien voegen tabaksfabrikanten ammoniak toe aan de tabak, waardoor de (verslavende) werking van nicotine wordt versterkt.’

‘ Pubers onderschatten hun verslaving, omdat ze in het begin niets van de gevolgen merken.’ Ammoniak yn kombinaasje mei it ferslaavjende middel nikotine makket sigaretten dus ekstra ferslaavjend. ‘Puberhersenen zijn extreem gevoelig voor deze stof’, fertelt Bert. ‘Een sigaret zorgt zeker in het begin voor een licht en prettig gevoel, waardoor je je een beetje high voelt. Dát is de werking van nicotine. Pubers zijn vaak al binnen een paar maanden verslaafd. Dat gaat veel sneller dan je denkt.’

‘Ieder nadeel heb z’n voordeel’ Sels ha pubers lykwols net yn ’e gaten dat se ferslaafd binne. Se ha it gefoel dat se elk momint ophâlde kinne. ‘Ze onderschatten hun verslaving’, fernimt Bert yn de praktyk. ‘Dat komt ook omdat ze er zelf niets van merken. Ze merken niet dat hun huid sneller veroudert, dat hun tanden geel worden of de sportprestaties achteruitgaan. Het lichaam maskeert al deze gevolgen wanneer je jong bent. De enige reden die ze hebben om te stoppen is dat het erg duur is om te roken. Maar hoe langer je rookt, hoe lastiger het wordt om er weer vanaf te komen.’

‘ Ouders die roken, hebben naast alle nadelen één groot voordeel: zij weten als geen ander hoe het is om rookverslaafd te zijn.’ Hoe dreech it wêze kin om fan it smoken ôf te kommen, witte in hiel soad heiten en memmen wól. Dat betsjut lykwols net dat dy smokende âlden net it goede foarbyld jaan kinne, seit Bert mei klam. ‘Ouders die roken, hebben naast alle nadelen één groot voordeel: ze weten als geen ander hoe het is om rookverslaafd te zijn. Zij kunnen dus uit eigen ervaring vertellen hoe onverstandig het is om met roken te beginnen. Zo kun je je nadeel omdraaien in je voordeel. En beter nog: geef het goede voorbeeld en stop met roken. Zo laten we roken daadwerkelijk in rook opgaan.’


experts in horen, spreken en verstaan

Een (kraam)cadeautje nodig? CreaMira staat op de markt en bedrukt uw cadeautje ter plekke! Iedere vrijdag op het Zaailand te Leeuwarden Iedere zaterdag in het centrum van Heerenveen

een hoor- of taalprobleem is ingrijpend. Daarom doen we alles om te helpen. hoe klein je ook bent. • Onderzoek en advies bij kinderen met gehoor- en taal-spraakproblemen. • Behandeling op het gebied van gehoor- en taal-spraakontwikkeling. • Behandelgroepen, thuisbegeleiding en oudercursussen.

Pento Audiologisch Centrum Friesland Verlengde Schrans 35 | 8932 NJ Leeuwarden | Tel. 058 - 280 15 86

Facebook.com/CreaMira

pento gaat verDer.

PEN0008 Advertentie Audiologisch centrum Friesland 105x148.indd 1

www.pento.nl

13-12-13 11:56

KR A A M Z OR G D I E B E VA L T ! KLEIN S C H ALIG

P ER S OONLIJ K B E T R O K K E N

WWW.ZORGBURODEDRIEHOEK.NL


TÛZEN WURDEN Wisten jim dat it boek ‘Tûzen wurden’ yn in hiele protte ferskillende talen útbrocht is? Lykas yn it Ingelsk, Frânsk, Latyn, Russysk, Poalsk, Dútsk, Japansk, Arabysk, Sineesk, Spaansk, Italiaansk, Portugeesk, Hebriuwsk en gean sa mar troch. It boek is yn it Frysk yn de Fryske boekhannels te krijen foar € 14,95.

(Frysk) (Ingelsk) (Noard-Frysk) (Poalsk)

lippen - lips - dä läpe - wargi

tonge - tongue - jü tong - ję zyk

each - eye - dat uug - oko

mûle - mouth - di müs - usta

wynbrau/each(s)brau - eyebrow jü uugenbrün - brew

tosken - teeth - dä teere - zębi

it wang - cheek - jü siik - policzek

32

33

noas - nose - jü noos - nos

it kin - chin - dat kän - broda


Sirkus PeM

€ 14,9 5

Mindert Wijnstra, yllustraasjes Babs Wijnstra Pier en Marieke wenje neistelkoar. Se binne beide acht jier en dikke maatsjes. Ferfele dogge se harren noait. Se ha fantasy genôch en fine alle kearen wer wat nijs út. Op in dei sette se sels in hiele sirkusfoarstelling op tou – al giet net alles sa’t se it bedoeld ha. Dy goeie bedoelings pakke wol faker ferkeard út by harren brike aventoeren. Mar al hoe mâl oft it soms ek giet, meastal rint it dochs noch goed ôf. Teminsten … foar Pier en Marieke. Fyftjin fleurige ferhalen foar jong en âld om foar te lêzen of om sels te lêzen.

Fragmint út haadstik ien - Nei de skoaldokter As Pier en Marieke moarns nei skoalle gean, hellet de iene de oare fan hûs. It is mar krekt wa’t earst is. Meastal hellet Pier Marieke op. Hjoed hellet Marieke Pier op. ‘Hee sliepkop! Komst hast?’ ropt se troch de brievebus. Der komt gjin antwurd. Marieke triuwt de doar iepen en rint de gong yn. ‘Pier? Wêr bliuwst no?’ Boppe oan de trep stekt Pier de holle om ’e hoeke. ‘O, hoi, bist der al? Noch eefkes, ik bin hast klear. Ik moat noch wat … eh … wat regelje.’ ‘Regelje?’ Marieke sjocht ferbaasd nei boppen. Se rint in pear stappen de trep op. ‘Is jim mem al fuort? Har auto stiet der net mear.’ Pier knikt. ‘Ja, dy bringt Lys nei de kres. Ik moast mysels mar rêde, sei se.’ Marieke rint troch nei boppen. Yn de doar fan Pier syn keammerke bliuwt se stean. ‘Rêde? Hoe bedoelst … rêde, wêrmei?’ ‘No, witst wol … Wy moatte hjoed ommers nei de skoaldokter.’ ‘Ja, no én?’ Pier sjocht Marieke op en del oan. ‘Hasto al eh … hasto al wat by dy? In fleske, bedoel ik.’ ‘Oh dat, bedoelst dat? In fleske mei pis. Ja, natuerlik jonge, samar klear. Ik hie der earst fierste folle yn. Safolle hoegde net, sei ús mem, in lyts flutsje wie genôch.’ Pier suchtet. ‘Ja, dat wit ik wol, mar ik kin net …’ Marieke lûkt in fiis gesicht. ‘Dat dy dokter dêrnei sjen moat … stel dy foar … nei dy pis fan elkenien … Harrejakkes. Ik wurd letter gjin skoaldokter, blè.’ ‘Witste …’ Pier suchtet alwer. ‘Ik hoech net. Ik ha al tee dronken en wetter, mar der komt neat. Ik kin it net.’

‘Dat komt fan it fleske, miskien?’ ‘Ja presys,’ knikt Pier, ‘as ik oan dat fleske tink, dan wol it net.’ Marieke sjocht nei de wekker op Pier syn buro. ‘It is al tweintich oer achten! Do moatst no wol opsjitte, want wy moatte fuort.’ ‘Hee, Marieke, wat tinkst … As ik der no ris gewoan wetter yn doch, wetter út ’e kraan, soe dy skoaldokter dat dan sjen?’ ‘Ja fansels, slûge. Dat soesto ek noch wol sjen. It moat wol in kleurke ha. Besykje it earst sels noch mar in kear, sjit no mar op!’ ‘Sinas… of sinesappelsop?’ Marieke skodhollet ûngeduldich. ‘Fierste giel, trapet er net yn. Toe no, jonge!’ ‘Bier?’ ‘Dat stjonkt.’ ‘Pis ek.’ ‘Ja, mar wol oars.’ Marieke draait har om en rint nei de trep. ‘Wy moatte fuort, Pier, ik wol net te let komme.’ ‘Appelsop?’ ‘Hm, soe kinne. Hasto appelsop?’ Pier knikt. ‘Kom mei.’ Se roetse de trep del nei ûnderen. Yn de keuken skuort Pier de doar fan de kuolkast iepen. ‘Twa pakken appelsop, allebeide fol!’ ‘Ien pakfol is wol genôch.’ Pier sjocht Marieke freegjend oan. ‘Mar, do seist niis … in lyts flutsje …’ Marieke skodhollet. ‘Om myn part nimst in tankautofol mei, mar ik wachtsje net langer, hear. Ik wol net te let komme.’ ‘Ik kom deroan.’ Pier makket it pak iepen, set it fleske op it oanrjocht en skinkt it healfol mei appelsop. ‘Hoe liket dit, soe dit genôch wêze?’ ‘Mear as.’


NIJE BOEKEN! Wy geane hjoed op bearejacht

€ 9,95

€ 12,95

Ik tel oant 100 yllustraasjes Sophia Touliatou In kleurryk telboek: ien folle moanne, twa lytse hûntsjes, trije reade bussen … oant 100 telle is in feest mei dit prachtige boek. Undertusken komst ek noch allegearre ferskillende kleuren, bisten en foarmen tsjin.

Michael Rosen, yllustraasjes Helen Oxenbury Fjouwer bern geane mei harren heit op bearejacht. Se binne nergens benaud foar. Se geane dwers troch sniestoarmen, it djippe, kâlde wetter en in grut tsjuster bosk. Mar dan komme se in echte bear tsjin … Dizze klassiker is no as kartonboek útjûn.

SWELTSJERIGE 2017:

In searje berneboekjes foar begjinnende lêzers.

Ridder Jet Lida Dykstra en Maaike van den Akker Der driget rûnom gefaar yn it ryk fan prinses Jet. Der rinne boeven om en ek noch in fjoerspuiende draak. Dêrom ûntsnapt se – oan in lange sjaal – út de toer dêr’t se opsletten sit. Alderearst giet se achter twa dieven oan dy’t in beurs stellen ha. Gelokkich kriget se help út ûnferwachte hoeke … AVI Frysk-E3

Wat in ein

Boem is ho!

Jan Schotanus en Linda de Haan Wim en Afke wolle graach op fakânsje. Omdat har eigen auto stikken is, hat heit ien hierd, in âlde ‘ein’. Heit fynt him prachtich, mar it wurdt wol in hiel oare fakânsje as oare jierren. De camping yn Frankryk helje se, mar dan begjinne de aventoeren ... AVI Frysk-M4

Anny de Jong en Yke Reeder In deagewoane groep. In ‘nije’ (in opskepperke), in famke yn in rolstoel (mar net silich), in jonkje dat sljocht is op pankoeken, in juf dy’t op har jierdei soarget foar in spannende ferrassing en ek noch ... AVI Frysk-E4

Gers op it dak Hanneke de Jong en Linda de Haan Bauk, de mem fan Eef, sil op Joep passe. Eef helpt har mem sa goed as se kin. Se lit Joep alles sjen. De tún, de bisten. En it dak ... Komt dat wol goed? AVI Frysk-E3

Beppe hat in aaipet Mindert Wijnstra en Babs Wijnstra Tom is graach by beppe. Sy begrypt him better as heit en mem. Dan wurdt beppe siik. Mar al hoe siik se ek is, tegearre ha se noch wille en fine se treast by elkoar. AVI Frysk-M4

34

35

De toverangel fan Ate Jurjen van der Meer en Maaike van den Akker As der in fiskwedstriid holden wurdt, wol Ate ek meidwaan. Mar hy hat gjin angel. Dêr wit pake Jan wol wat op. Hy makket foar Ate in toverangel. In toverangel mei trije bledsjes. En dy bledsjes binne hiel spesjaal … AVI Frysk-E3

Alle boekjes út de Sweltsjerige binne foar € 9,95 te bestellen fia afuk.websjop.nl.


Ciska Noordmans

Heeft Jos ‘n Tos? Als spreken niet vanzelfsprekend is

Reintsje Miedema is previntyf logopediste by GGD Fryslân en jout advys oer de taalûntwikkeling fan bern oan âlders én oan professionals fan bygelyks it konsultaasjeburo en it (foarskoalsk) ûnderwiis. Yn petear Reintsje komt in protte op skoallen en pjutteboartersplakken en praat mei bern, âlders, learkrêften en pjutteliedsters om yn ’t foar al advys te jaan oer de taalûntwikkeling fan de learling. ‘Meastentiids krije wy fan liedsters of learkrêften, as sy soargen hawwe oer bepaalde bern, in berjochtsje oft we ek ris delkomme kinne. Mei dy bern gean ik dan yn de húshoeke of bouhoeke sitten en dan prate wy oer de deistige dingen, we meitsje in puzzel of besjogge in boek. Ik besykje echt mei bern yn petear te gean en djipgeand te praten oer in ûnderwerp dat har oansprekt. As dat trekkers binne, dan wol ik alles witte oer John Deere en Claas, en oer siedzjen en ploegjen! Foar in protte bern is dat ferrassend. In mefrou dy’t trochfreget en fragen stelt dêr’tst oer neitinke moatst. Guon bern moatte eefkes oer de drompel, mar de measten binne wol triggere troch de fragen en de oandacht dy’t sy krije’, fertelt Reintsje.

‘ Ik besykje echt mei bern yn petear te gean en djipgeand te praten.’ Wat jonger de bern, wat better wy ynstekke kinne op in passend oanbod foar bern mei in taalprobleem. Dêrom wurde alle bern mei twa jier op it konsultaasjeburo befrege. Neffens de minimum spreknoarmen moatte bern fan twa jier twa-wurd-sintsjes meitsje kinne. 9 fan de 10 bern slagget dat wol. Sûnt in jier krije âlders

mei bern dy’t dêr ferlet fan hawwe, it oanbod om mei in professional te sjen hoe’t thús de taal riker makke wurde kin. Of se krije it advys om nei it Audiologysk Sintrum te gean. Gehoar, learfermogen, gedrach, muoite mei kontakt; dat kin allegearre ommers in rol spylje.’ Rike taalomjouwing Wat it riker meitsjen fan de taalomjouwing oangiet: dêr is noch in protte te winnen, neffens Reintsje. ‘Wy soenen graach sjen dat alle bern yn in rike taalomjouwing opgroeie. Dêr kinst oan wurkje troch mei de bern yn petear te gean oer deistige dingen; mar in protte liedsters, heiten en memmen hawwe it drok. Foarlêze en lêskilometers meitsje helpt fansels ek, en it bewust meitsjen fan har taalgebrûk makket ek in wrâld fan ferskil. Der binne safolle mooglikheden om bern nije wurden belibje te litten! Ast bygelyks boadskippen dochste of bern meinimste nei ‘t bosk kinst sa’n gelegenheid moai oangripe.’ Ek gemeenten hawwe in rol. Sy moatte ‘voorschoolse en vroegschoolse educatie (VVE)’ oanbiede oan âlders mei bern dy’t in taalachterstân hawwe. Meastentiids bepaalt it konsultaasjeburo oft in bern gebrûk meitsje kin fan VVE. Yn stee fan ien of twa kear gean bern dan trije of fjouwer kear yn ‘e wike nei de opfang, dêr't sy op boartlike wize mei taal oan 'e gong gean. Tomke is in bekend foarskoalsk programma foar bern mei Frysk as fiertaal, oaren wurkje mei bygelyks Piramide, in Nederlânsktalige metoade. Heeft Jos ‘n Tos? ‘Heeft Jos ‘n Tos?’ is de titel fan in kampanje fan Kentalis om de doelgroep te ynformearjen oer in ‘TaalOntwikkelingsStoornis’, koartwei in ‘Tos’. In taalûntwikkelingsstoarnis hat te krijen mei neurologyske prosessen yn ‘e holle en giet dus ek net wer oer. ‘As in bern mei

taal achterop rint en dat leit net oan te min taaloanbod of oare problemen, dan kin soks wize op in Tos; mar by jonge bern is it faak net fuort dúdlik wêr’t it krekt fan komt. It brein fan minsken mei in Tos kin taal minder goed ferwurkje. As der wat mei in bern oan ’e hân is, wurde de âlders dêr fuort by behelle. Wy sille advisearje om te ûndersykjen oft it gehoar goed is, oft der mei it learen en it geheugen neat mis is en oft it berntsje wat gedrach en belibbing oangiet yn oarder is. Ferfolgens gean ik mei âlders yn petear en wiis har op de mooglikheden fan bygelyks logopedy. Want kinst de mooglikheden wol optimalisearje’, fertelt Reinskje.

‘ Wa seit datsto alle talen sûnder flaters prate kinne moatst?’ Hat meartaligens ynfloed op in taalachterstân? In protte húshâldingen yn Fryslân binne meartalich. Frysk en Nederlânsk en/of noch in bûtenlânske taal derby. Hat meartaligens ynfloed op in taalachterstân? ‘Nee, dat leau ik net’, seit Reintsje Miedema, ‘mar in rike taalomjouwing yn de ferskillende talen is dan wol winsklik. Literatuer dêroer jout dat ek oan. In taalûntwikkelingsstoarnis hasto ommers yn alle talen dy’tsto brûkst. As in bern yn in meartalige situaasje libbet, moat hy dêr ek diel fan útmeitsje kinne. Asto in bern dan ientalich grutbringst, betsjut dat yn de praktyk dat er him bûtensluten fielt yn in oare rûnte dêr’t er ek yn thúsheart, bygelyks by pake of beppe, of by de famylje fan heit of mem. Taal is kommunikaasje, mar ek dy ergens thúsfiele en dus ek: identiteit. En wa seit datsto alle talen sûnder flaters prate kinne moatst?’


HOE HERKEN JE EEN TOS? Jos is gau lilk of fertrietlik ast him net begrypst.

De baby en peuter • brabbelt niet of met weinig variatie • k wijlt veel en gebruikt de tong en mond maar weinig om mee te ontdekken • is opvallend stil tijdens het spelen en geeft weinig reactie op je stem of op geluid • is moeilijk te verstaan en wordt snel boos of verdrietig als je hem/haar niet begrijpt

Het kind • kent weinig woorden of heeft moeite om op een woord te komen • is slecht verstaanbaar • maakt veel fouten in de zinnen • maakt erg korte zinnen

Een advies van logopediste Reintsje Miedema: Praat rustig en ‘klets’ over allerhande onderwerpen met jullie zoon of dochter. Daag uit! En geef kinderen de tijd om na te denken en een antwoord te formuleren.

Leuke tips voor een rijke taalomgeving voor álle kinderen én hun ouders: • Boekstart een gratis koffer met babyboekjes bij de bibliotheek De bibliotheek is voor alle kinderen gratis! • Levende prentenboeken digitale prentenboeken met animaties • Taalgroeiboekje met voorleestips, spelletjes en liedjes – voor de oppas (– opa en oma) • www.Tomke.nl

Apps, sites, boeken • De TOS-CHECK app - kentalis.nl • Van Nul Tot Taal app - auris.nl • De taalgroeimeter (SFBO) geeft tips voor een Friestalige, Nederlandstalige, tweetalige en meertalige thuissituatie. - taalgroeimeter.nl • Pento Leeuwarden - pento.nl • Meertalige ontwikkeling, auteur Mirjam Blumenthal (voor professionals)

36

37

Ik bin sa... sa...

Jos hat lijen mei it finen fan degoede wurden; hy kin net goed sizze wat er fielt.


RAVI (5 JAAR)


Wurde ús bern grutbrocht as softies? It liket der wol op; dêrom ropt ekspertizesintrum VeiligheidNL op ta mear risikofol boartsjen. Wêrom moatst dat wolle? En hoe dochst dat dan?

Elkenien wol it bêste foar syn bern, en it beskermje tsjin gefaar heart dêr fansels ek by. Mar wy minsken hawwe faak de oanstriid om te gau yn te gripen, út eangst dat in bern him sear docht, of at der in risikofolle sitewaasje ûntstiet. Dy goedbedoelde beskerming is úteinlik net goed foar opgroeiende bern. Fansels beskermest dyn bern tsjin al te grutte risiko’s, mar in blau plak is meastentiids sa slim net as dat wy faak tinke.

‘ Risikofol boartsjen hat in positive ynfloed op de fysike sûnens, en fergruttet it selsbetrouwen.’ Judith Kuiper, projektlieder VeiligheidNL: ‘Kinderveiligheid is van oudsher een kernonderwerp van VeiligheidNL. Wellicht vindt men onze ommezwaai naar risicovol spelen merkwaardig, maar het draagt zeer zeker bij aan kinderveiligheid. Onze campagne “Met een beetje risico komen ze er wel” stimuleert gedragsverandering bij ouders, soms moet je een schrammetje nu eenmaal voor lief nemen. Want het trotse gevoel dat een kind krijgt door een bepaalde ervaring heeft een positievere uitwerking dan ouders die altijd maar “stop, pas op” roepen. Waar wij eerder pleitten voor het voorkomen van letsel, willen wij nu graag laten zien dat

38

39

enkel beschermen niet het allerbelangrijkste is. Het heeft namelijk ook een keerzijde, en ouders kunnen daar prima een goede balans in vinden. Trouwens, veel ouders staan open voor deze manier van opvoeden. Al moeten ze zichzelf soms overwinnen en over een drempel geholpen worden. Wij willen ouders bewust en enthousiast maken over het feit dat met name kinderen in de leeftijd van vijf tot zeven jaar best meer vrijgelaten kunnen worden, ook al vind je het als ouder een beetje eng. Wij richten ons vooral op ouders, andere partijen richten zich juist meer op professionals; zo dragen we risicovol spelen breed uit.’ Neffens ekspertizesintrum VeiligheidNL – dat gearwurket mei Jantje Beton en Natuurmonumenten – hat risikofol boartsjen in positive ynfloed op de fysike sûnens, en fergruttet it it selsbetrouwen, de selsredsumens, de kriich en boppedat de sosjale feardigens fan bern. Hoefolle romte asto dyn bern joust, kinst sels teste op www.risicovol-spelen.nl. Beskoalmasterje Mem en juf Ellen Kraai, fan Seisbierrum, wol bern wol frijlitte mar sjocht ek de risiko’s: ‘Zolang m’n kind geen zwemdiploma heeft, vind ik het aan de waterkant spelen doodeng, en in mijn ogen is dat geen overdreven angst. Volgens mij heb ik hier een heel realistische kijk op en ik denk ook niet dat ik overdreven bezorgd ben.’

Ellen jout oan dat se yn har funksje as juf oars tsjin dingen oansjocht, dat se earder besoarge is as it om har eigen famke giet: ‘Ik moet toegeven dat ik in de klas anders tegen zulke zaken aankijk dan thuis. Bij ons eigen kind ben ik toch eerder bezorgd en ook méér bezorgd dan mijn partner. Al ben ik wel van mening dat we in onze maatschappij minder moeten betuttelen, met name de vrouwen. We zijn soms veel te bezorgd. Juffen zijn trouwens ook vaak veel voorzichtiger dan de meesters.’

‘ Mei twa swimdiploma’s kinne seisjierrigen prima selsstannich op strjitte boartsje.’ Berne-opfang Ek yn de berne-opfang is each foar dizze nije ûntjouwingen. Binnen Kids First COP groep wurkje se mei it motto ‘Bern wat meijaan dêr’t se de rest fan harren libben wille fan hawwe’. Klustermanager Willeke Klompmaker dêroer: ‘In de kinderopvang hebben we te maken met veel eisen rondom veiligheid en gezondheid. Dat is terecht, je draagt zorg voor andermans kinderen, hun grootste en dierbaarste bezit. Maar dat wil niet zeggen dat je risicoloos moet spelen. Bewuste keuzes maken, vooraf de risico’s inschatten en zorgen dat je alle betrokkenen hierin betrekt, zorgt ervoor dat

Janneke de Boer

De pampergeneraasje


er heel veel meer mogelijk is dan nu veelal gedacht wordt. Wij willen kinderen de ruimte bieden zich te mogen ontwikkelen op alle ontwikkelingsgebieden, in hun eigen tempo en in een omgeving waarin ze zich veilig voelen, zodat ze tegen grenzen aanlopen en deze ook kunnen verleggen. Kids First geeft kinderen de ruimte, maar maakt daarin uiteraard wel de afweging tussen veiligheid en risico’s. Op de BSO boomklimmen, met echt gereedschap kunnen zagen en timmeren om een vogelhuisje te maken, als

peuter je eigen brood smeren en snijden met een “echt” mes zijn hier voorbeelden van. Hiernaast hechten wij grote waarde aan het buitenspelen, niet alleen als het stralend mooi weer is, maar ook als het regent, stormt of heel koud is.’ Tink derom! Klinke by jim thús dyn net-dwaan’s, pas-op’s en tink-derom’s ek gauris, en hearst frjemd genôch de heit fan dyn bern soks noait roppen? Echt mis giet it eins noait, hin?

Mei twa swimdiploma’s kinne seisjierrigen prima selsstannich op strjitte boartsje, al leit it der fansels wol oan wêr’t je krekt wenje. En mei sûn ferstân kin in njoggenjierrige prima in tûke skile mei in bûsmes. Mar ek it plukken fan brannettels (au!) foar it heksesop hoecht gjin probleem te wêzen, sa witte se yn alle gefallen dat se dy plant net wer mei bleate hannen hoege te plukken.

6 TIPS FAN VEILIGHEIDNL 1. Sjoch en harkje nei dyn bern Eangstich of fol enerzjy? Do kenst dyn bern it bêste, tegearre meitsje jim de regels. 2. Harkje nei dyn eigen gefoel Harkje goed nei dyn eigen gefoel. Do witst it bêste wat dyn bern al of net kin.

ARUNA (7 JAAR)

3. Grinzen ferlizze Elk bern sil syn of har grinzen ferlizze. Oefenje dêrmei, as dat noadich is. 4. Meitsje heldere ôfspraken Bygelyks: Do meist op it plein boartsje, ast dat earst oan my fregest. Sjoch hoe’t dyn bern mei sokke ôfspraken omgiet. 5. Moedigje oan en hâld ôfstân Lit bern nije dingen ûntdekke, jou romte om te eksperimintearjen. 6. Warskôgje net te gau Hâld ris yn ’e gaten hoe faak asto pas op! of tink derom! ropst as dyn bern wat spannends docht. Probearje tsien sekonden te wachtsjen foardatst begjinst te roppen.

KIJK VOOR TIPS OP WWW.RISICOVOL-SPELEN.NL


VLEKJES

Tjalling de Vries (1959) is sinds 1991 algemeen kinderarts in het Medisch Centrum Leeuwarden. Hij is getrouwd en vader van drie kinderen: Fedde (1991), Marga (1995) en Anne (1998).

Janke ligt slap en bleek op de onderzoeksbank, ze kijkt me niet aan als ik binnenkom. De huisarts vertrouwt het niet en wil dat ik Janke bekijk. Janke heeft koorts en hoofdpijn. Gisteren was er nog niets aan de hand: overdag naar school en ’s avonds buitenspelen; gewoon wat een meisje van zeven jaar doet. Maar vanochtend was ze koortsig en reageerde anders dan anders. Janke ademt normaal en ik duw met mijn wijsvinger op het borstbeen. Binnen drie seconden is het witte rondje weer rood en dat betekent dat de bloedsomloop goed is. De kin kan niet op de borst. Op de buik zie ik een paar rode vlekjes. ‘Die waren er vanochtend niet’, zegt moeder, die hoogzwanger is. Ik druk op de vlekjes, ze verdwijnen niet. Hardop zeg ik ‘niet wegdrukbare vlekjes’ en meteen denk ik: hersenvliesontsteking door de meningokok. Dit leg ik uit aan moeder, zij schrikt natuurlijk enorm. Snel breng ik, geholpen door de verpleegkundige, een infuus in en neem bloed af voor onderzoek. We leggen Janke op de zij en ik doe een ruggenprik. Het vocht, normaal gesproken helder als water, is nu troebel. Daarmee is het wel zeker dat het een hersenvliesontsteking door meningokokken is. Snel geven we antibiotica. ‘Wat gek dat ze dit heeft,’ zeg ik tegen moeder, ‘kinderen worden hiervoor ingeënt.’ Moeder schudt haar hoofd: Janke is niet gevaccineerd. Iemand vertelde haar indertijd dat vaccinaties voor kinderen schadelijk zijn, het zou autisme veroorzaken en het afweersysteem verlammen. Daarom heeft moeder Janke niet laten vaccineren. We houden Janke nauwkeurig in de gaten om te zien of ze zieker wordt. Dat gebeurt gelukkig niet, ze wordt helder, reageert normaal op ons, de bloedsomloop blijft goed. Wel komen er nog een paar nieuwe vlekken. De temperatuur daalt en ze gaat er steeds beter uitzien. Toen ik indertijd als kinderarts begon, maakte ik bijna maandelijks mee dat kinderen doodziek binnenkwamen met meningokokkenziekte, te veel van hen zijn overleden. Nu kinderen gevaccineerd worden, komt dat nauwelijks meer voor. Dat geldt voor alle ziekten waarvoor gevaccineerd wordt, die leken verdwenen. De laatste jaren zien we een toename van niet-gevaccineerde kinderen en de bijna-verdwenen ziekten komen weer terug. En dat terwijl aangetoond is dat vaccineren in Nederland veilig is. Janke herstelt gelukkig voorspoedig. Na een paar dagen ga ik naar moeder en zoek naar een opening om over het vaccineren te beginnen. Voordat ik iets kan zeggen, legt moeder haar hand op haar zwangere buik. ‘Dit wil ik nooit meer meemaken. Deze kleine’ – ze klopt zichzelf op de buik – ‘krijgt alle vaccinaties!’ Ze maakt een grimas en wijst naar haar buik: ‘Oeps, hij trapt, hij is het ermee eens.’ Wolst hjir op reagearje? Sykje op ‘Vlekjes’ op heitenmem.nl.

40

41


Marieke Vinckers

Help, een hype! ‘Mem, ik wol in fidget spinner hawwe!’ Had je net de bak vol met loomelastiekjes bij het grofvuil neergezet. ‘Wêrom dan leave?’ En daar komt het befaamde antwoord: ‘Elkenien hat it!’ Het duurt nooit echt lang, het hele land is ervan in de ban en jij als ouder staat weer eens voor de keuze: wel of niet meegaan met de hype? Nu zijn het fidget spinners, volgende zomer is er vast weer iets nieuws. Als je het Gyan Visser (11 jaar) vraagt, dan is vingerhaken de opkomende trend. Zijn moeder Yka trekt verrast haar wenkbrauwen op: ‘Tinkst dat Gyan? Soe dat net allinnich hjir op dyn skoalle sa wêze?’ Met de fidget spinner draaiend tussen duim en wijsvinger kijkt hij schuin omhoog: ‘Nee, it wie al op it

Jeugdjournaal mem.’ Dat is kennelijk een belangrijke graadmeter. Hype! Of iets een rage wordt, is moeilijk te voorspellen, vertelt trendwatcher Lieke Lamb op nos.nl. Het succes van een stuk speelgoed hangt van een paar dingen af. Ware kanshebbers zijn de goedkope

speelgoedjes die draagbaar zijn en waarmee je trucjes kunt doen. Of je moet ze kunnen verzamelen. Lamb zegt dat ook sociale media een belangrijke rol spelen. Dat was bij de loomelastiekjes in 2014 ook het geval. ‘Er zijn aanjagers die de trucjes tonen en dan willen kinderen zelf ook hun kunsten delen op Instagram of via Snapchat’, aldus de trendwatcher.


Draagbaar en betaalbaar, dat is de fidget spinner zeker. Ze zijn niet aan te slepen. In de wereld is Nederland het vijfde land waar het speelgoed het meest verkocht wordt. Pedagoog Jolanda Verschure van Opvoedpunt Leeuwarden (GGD Fryslân): ‘Die loomelastiekjes vond ik zelf prima speelgoed. Het stimuleert de creativiteit en de motoriek van een kind. Met zo’n fidget spinner is de lol er snel af. Je doet een trucje en daarmee is het klaar. Maar goed: kinderen vinden het prachtig. Ook mijn dochter van dertien kocht laatst van haar zakgeld een spinner. Wat ik belangrijk vind is of je zo’n hype als leermoment kunt zien. Ga je er zonder na te denken in mee, of sta je erbij stil, samen met je kind? Vooral groepsdruk is voor een kind best lastig. Iedereen heeft het, dus... En dan komt het aan op zelfvertrouwen. Gaat het kind mee met de hype? Of voelt het kind dat hij of zij ook leuk is zonder mee te doen met de rest? Daarover praten levert leuke en leerzame gesprekken op.’

‘ Het prettige aan een hype is dat je weet dat het tijdelijk is.’ Iedereen heeft het Op de vraag waarom Gyan het draaischijfspeeltje wilde hebben, geeft hij twee antwoorden. Ten eerste: iedereen in de klas heeft zo’n ding. Ten tweede: het was op het Jeugdjournaal. En als het daarop is geweest, dan moet je het hebben. Vingerhaken wordt zodoende de nieuwste trend. Op basisschool De Gielguorde in De Tike ligt achter het klassenraam al een bol met 250 meter gehaakte wol. Alle kinderen werken eraan mee. ‘We gean foar in kilometer!’ vertelt Gyan enthousiast terwijl we onderweg zijn naar zijn school om de grote kleurrijke bol te bewonderen. Wij al wandelend, hij op z’n knieën op zijn longboard. De littekens van de laatste rit pronken nog op zijn kin. Het deert hem niet, hij crosst over het pad alsof er niks gebeurd is.

42

43

Longboarden ‘Wat is dan eigenlijk het verschil tussen een longboard en een skateboard Gyan?’ Hij werpt het board op de straat, het rolt al, en dan springt hij erop alsof het concept evenwicht niet bestaat. ‘Op in longboard kinst langer stean, dêr kinst wol mei troch hiel Amsterdam ride! In skateboard is mear foar trúkjes.’ En weg is ’ie. Yka: ‘Wy koene ien oernimme fan de buorman. Nij binne dy dingen nochal oan de priis.’ Met drie kinderen in huis hebben zij en haar man ’s avonds als de kinderen in bed liggen nog wel eens een gesprekje met elkaar te voeren. Wat komt er wel in huis, en wat niet? ‘We fine it belangryk dat it spultsje ek past by it karakter fan it bern.’

‘ Ware kanshebbers zijn de goedkope speelgoedjes die draagbaar zijn en waarmee je trucjes kunt doen.’ Gyan kreeg daarom het computerspel ‘Farming’. Daarop kun je in een digitale omgeving een boerenbedrijf samenstellen. En aangezien Gyan altijd al met trekkers speelt en het liefst alle dagen op de zitmaaier rondrijdt om het gras te maaien, vonden zijn heit en mem dat wel een prima cadeau voor hem. Yka: ‘It moat finansjeel ek net te gek wurde fansels. De makkers fan de Xbox binne wol tûk wat dat oangiet. Dy meitsje op in bepaald momint wer in nij spultsje wêr’tsto dan wer in oare, nije box foar nedich hast. No, dan bliuwst lekker dwaande. Dy Xbox komt der hjir net yn, dêr binne we wol oer út.’ Gyan zucht hoorbaar, terwijl hij de kat knuffelt. Dat is overigens geen rage. Als de fidget spinner na deze zomer ergens achter in de kast ligt, blijft Gyan dát nog steeds doen, het is veruit zijn grootste hobby. Tijdelijke pret Het prettige aan een hype is dat je weet dat het tijdelijk is. Het gaat altijd weer voorbij. Maar dat maakt de keuze om erin mee te

gaan misschien juist wel lastiger. Het hele huis ligt op een goed moment vol met trends die voorbijgingen. Waarop baseer je de keuze iets aan te schaffen? De fidget spinner is nog redelijk betaalbaar, maar wat als het om zo’n longboard gaat? Hetzelfde geldt voor spaaracties in de winkel. Voor het kind lijkt het een kwestie van boodschappen doen en gratis Pokémonspeeltjes meekrijgen, maar als ouder heb je er altijd iets bij aan te schaffen. Of het nu een spaaralbum is of een ander extraatje. Bewuste keuzes Volgens pedagoog Verschure, zelf moeder van drie pubers, is het belangrijk om als ouder na te denken over de vraag: Wat geef ik mijn kind mee? ‘Als ouder kun je nagaan of het speelgoed past bij hoe je jouw kind wilt opvoeden. Maar natuurlijk ook of het binnen je budget past. Belangrijk is dat je het er samen over hebt. Een kind snapt echt wel dat iets voorbijgaat en dat het dus niet per se nodig is om zomaar met alles mee te gaan. Ook geduld aanleren is belangrijk. Evenals leren omgaan met teleurstelling. Als een kind altijd alles maar krijgt, dan wordt dat de norm in zijn of haar leven. Het is belangrijk dat het kind leert om dingen uit te stellen. Kinderen mogen leren dat zij ergens voor moeten sparen, dat ze eigen zakgeld moeten gebruiken om iets leuks aan te schaffen, of dat ze op het cadeau mogen wachten tot ze jarig zijn. Daarmee leren ze dat niet alles in het leven zomaar altijd beschikbaar is.’ Vooralsnog is er nog veel vraag naar de fidget spinner. Er zijn scholen waar het ding ondertussen verboden is in de klas. Dat is op De Gielguorde in De Tike niet het geval. ‘It is ek foar bern mei ADHD’, vertelt de elfjarige Gyan. ‘Dy wurde der rêstich fan, dus it is gewoan goed om te brûken yn ’e klasse.’ Op de vraag of hij dan ADHD heeft, fronst hij: ‘Neu. Ik fyn it gewoan leuk!’ Hij legt zijn fidget spinner al draaiend op z’n neus. Nieuw trucje. Naast hem liggen twee bollen wol. Fidget spinnen terwijl je aan het vingerhaken bent... misschien wordt dat wel de nieuwste trend!


Wolsto ek FERGEES moaie printables, wurdkaarten, ferhaaltsjes, kleurplaten, ferskes en nifelwurkjes foar pjutten yn dyn mailbox krije? Sjoch dan op www.tomke.nl en meld dy oan foar de nijsbrief!


Ferhaal 1-5 jier

‘It stikelbarchje’ Auck Peanstra

Romke snuffelet mei syn noas oer de grûn. Ynienen ropt er: ‘Au! Der stekt my wat yn ’e snút!’ Tomke skoot de bledsjes fansiden. Op ’e grûn leit in lyts brún baltsje. In brún baltsje mei stikeltsjes. ‘It liket wol in stikelbarchje.’ ‘Wat in lytske!’ ropt Romke. ‘Is er dea?’ Tomke besjocht it baltsje. ‘Nee. Mar hy is wol hiel kâld.’ ‘Kâld?’ Romke tinkt nei. ‘We moatte in bedsje foar him meitsje. Dan wurdt er lekker waarm.’ ‘Ja!’ ropt Tomke. ‘Mei in waarm krûkje derby.’ Fan in leech bakje meitsje se in bêd. Tomke syn koesdoek wurdt in tekkentsje. En it waarme krûkje? Dat past der net yn. ‘Set him mar op de ferwaarming’, betinkt Romke. ‘Dêr is it ek lekker waarm.’ Mar as se in skoftke letter wer sjogge, is it stikelbarchje noch altyd like kâld. ‘As er mar net deagiet’, snuft Romke. ‘Ik fyn him sa leaf.’ ‘We moatte mei him nei dokter’, seit Tomke. ‘De diere-ambulânse!’ betinkt Romke. ‘Moatst gau belje, Tomke!’ Tomke drukt op de knopkes fan de telefoan. In stim seit: ‘Mei de diere-ambulânse.’ ‘Wy ha in siik stikelbarchje fûn. Kinne jim him nei dokter bringe?’

44

45

‘We komme deroan!’ seit de stim. Romke en Tomke sitte by it sike bistke. Wat leit er stil yn syn bedsje. Hy hat him noch net ien kear ferweegd. Eefkes letter stoppet der in auto foar de doar. De diere-ambulânse. Tomke en Romke drave mei it bedsje nei bûten. De doar fan de auto giet iepen. Der stapt in frou út. ‘Jim ha in siik stikelbarchje fûn?’ Tomke knikt, hy lit it bakje sjen. De frou fan de ambulânse pakt it bistke derút. Se besjocht it stikelbaltsje, dan laket se. ‘Dizze is net dea’, seit se. ‘Hy hat noch noait libbe. It is in... wylde kastanje.’



Betsjutting Rinske: raadgever

FERNEAMD Rinske

‘Ik wit noch goed doe’t wy de jongste dope lieten. De dûmny sei doe: “Daar komen de vier Rinskes binnen”. Dat die my doe wol wat, ik wie sa grutsk. Ik bin ferneamd nei ús beppe Rinske. Myn man en ik hawwe fjouwer bern krigen, wêrûnder trije dochters dy’t ek allegear wer in Rinske krigen ha. De earste Rinske (no 29 jier, wennet yn Oentsjerk) is op myn jierdei berne, dat wie sa bysûnder. Dat koe net moaier. Ek hiel spesjaal dat ik ferneamd waard. De jongste Rinske (no 11 jier, wennet yn Gytsjerk) is op 31 maart berne, op de jierdei fan myn beppe Rinske. En it moaie is, de oare Rinske (28 jier, wennet yn it Hearrenfean) is op 1 maart berne. Dus alle fiif Rinskes

46

47

yn de famylje binne yn maart berne. Hoe is it dochs mooglik net? Echt ferwarrend is it net, al dy Rinskes. Wy binne it sa wend. Myn skoanmem hjitte fan Jeltsje en dy hie wol sân beppesizzers dy’t Jeltsje hjitten. En myn eigen mem hjit Aafke en dy is ek seis kear ferneamd. Sels fyn ik Rinske in prachtige Fryske namme. Ik bin der wol wiis mei. Guon neame my Rennie, mar sa hjit ik fansels net, ik hjit gewoan Rinske. Al ús beppesizzers sjogge wy regelmjittich. Se binne allegear sûn en dêr bin ik hiel tankber foar. Ik bin ek hiel grutsk op al myn beppesizzers én oerbeppesizzers. It binne allegear poppen.

Dieuwke van der Meer

Namme: Rinske Rijpma Berne op: 29.03.1942 Wenplak: Gytsjerk


NIJ!

Te keap yn de boekhannel! €12,95

websjop.afuk.nl


Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.