Page 1

GRATIS EN FERGEES me i y m ni m

Befalle mei in coach

NR. 01 - 2015

No mei in ferhaaltsje fan Tomke!

Bewust leven

a t? d e j oe Hoe d


Kids First kinderopvang Leeuwarden!

Komst boartsjen? Voor meertalige kinderopvang van 0-4 jaar, peuteropvang vanaf 2,5 jaar en opvang na school 4-12 jaar. Meer informatie of een rondleiding? U bent van harte welkom!

Met 3 locaties in Leeuwarden: Kdv en bso Bernel창n (bij het Friesland college) Kdv en bso Bernestate (bij het Kalverdijkje) Kdv It Sinnebern (in Crystalic) WWW.KIDSFIRST.NL

shop! Verkoop en verhuur van producten omtrent zwangerschap en bevalling.

- bevalbad - mamatens - baarstoel - babyweegschaal - en meer...

kraamzus.nl

www.dezwangerehuismusshop.nl Sulverstrjitte 1 8831 ZL Winsum (fr) 06-19188919 info@dezwangerehuismus.nl


Bern haw perf we g ekte jin âlde rs ne mar dich âlde , rs dy harr ’t en b egrip e. 3


hi t de Sc Ma r r i

C

ans o or d m i sk a N

Ciska Noordmans, redakteur fan Heit & Mem: hast elkenien ken Tomke, it lytse mantsje dat sa bekend is fan de útstjoeringen op Omrop Fryslân en fan de giele boekjes dy’t elk jier fergees ferspraat wurde fia de biblioteken en pjutteplakken. De yllustrator jout Tomke hannen en fuotten, mar wa jout him in hert? Dat binne de minsken fan de Tomkewurkgroep. Riemkje Pitstra is dêr ien fan. Sy lit him libje troch fleurige lietsjes en boartlike ferhaaltsjes en nimt him mei nei it deistige libben fan ús lytskerts. Wêrom oft se dat docht? Op side 18 fertelt se oer har driuwfearen.

ffar t

Marrit de Schiffart skriuwt foar Heit & Mem en ferwachtet yn july har earste berntsje. “Ha, The English Factory, it artikel dêroer op side 16, sprekt my bot oan. Ik ha wat mei taal en ik wit hoe belangryk taal is foar de ûntwikkeling fan in bern. In taalrike omjouwing, dêr giet it om. Hoe’t dat moat? In protte foarlêze, taalspultsjes op de iPad, prate mei in brede wurdskat… En dat allegearre yn it Frysk, Nederlânsk én Ingelsk. Leafst flean ik dus aanst alle wiken mei ‘lytske’ nei Harns: Ingelsk leare by The English Factory! Leafst lês ik ek moarns yn it Nederlânsk foar, middeis yn it Frysk en jûns yn it Ingelsk. Mar… dêr ha ik gjin tiid foar. Boppedat: myn sportive broer seit wer dat sport belangryk is foar de harsensfunksjes… En myn muzikale freondinne seit itselde oer muzyk… What to do?”

ke v a n Dieuw

eer der M

Stadich wurdt Fryslân wekker. En bytsje by bytsje komt it besef. Wêr binne wy mei dwaande? Wêrom folje wy ús lichem mei iten sûnder fiedingsstoffen? Wêrom keapje wy klean dy’t ûnder ferskriklike omstannichheden makke wurde en dy’t wy faak amper oan hawwe? Wêrom wurkje wy sa ôfgryslike hurd om ús fierstente hege hypoteek te beteljen foar in oerdreaun grut hús, dêr’t wy amper binne en dat fol stiet mei guod dat wy net nedich hawwe? Wêrom lizze alle berms yn ús moaie Fryslân sa fol mei ôffal? Bytsje by bytsje komt it besef. Dit moat oars en dit kin oars. Al is it allinne al foar ús bern. Gelokkich, wy wurde wekker. Lês op side 32 mear oer dizze nije bewuste libbensstyl.

r Mulde Auk je Gaat er een belletje bij je rinkelen bij de term cytomegalovirus (CMV) in relatie tot zwangerschap? Waarschijnlijk niet. Want ondanks wetenschappelijk onderzoek is de voorlichting minimaal. Voor Aukje Mulder, gastredacteur bij Heit & Mem, de reden om een artikel over CMV te schrijven. Het virus kan namelijk schade aanrichten bij een ongeboren kind, met mentale achterstand, slechthorendheid of doofheid tot gevolg. CMV loop je op door contact met plasluiers of speeksel van peuters. Na het lezen van het artikel op pagina 24 ben je op de hoogte en kun je eenvoudige hygiënische maatregelen nemen. Want een gewaarschuwd mens...

Kolofon

Redaksje Aukje Mulder Carolien ter Schuur Ciska Noordmans Dieuwke van der Meer Idske Bangma Marrit de Schiffart Haadredakteur: Ernst Bruinsma Meiwurkers: Femke Jaarsma Ciska Noordmans Dieuwke van der Meer Aukje Mulder Marrit de Schiffart Marieke Vinckers Tjalling de Vries Nynke van der Zee

4

Monique Finkers Arjanne Nijp Wendy Kennedy Froukje Sijtsma Korreksje: Ytsje Steen-Buwalda info@sekuer.nl Redaksje-adres /útjouwer: Afûk Postbus 53 8900 AB Ljouwert www.afuk.nl e-mail: ynfo@afuk.nl / ynfo@heitenmem.nl tel.: 058 - 234 30 70 Printwurk: Senefelder Misset, Doetinchem www.senefelder.nl info@senefelder.nl tel.: 0314 - 35 55 00

Yllustraasjes: Natascha Stenvert (side 21) Andrea Kruis (side 8) De boze bui/Boos (side 42) Ut it boek Rambam Ramla… Foarmjouwer: BW H ontwerpers www.bwhontwerpers.nl info@bwhontwerpers.nl tel.: 058 - 213 35 43 Fotografy: Het Hoge Noorden www.hogenoorden.nl info@hogenoorden.nl tel.: 058 - 216 79 66 Fotografy Lydia www.fotografielydia.nl info@fotografielydia.nl tel.: 06 - 25 13 58 98 Foto Riemkje Pitstra: Nanne Nicolai

Distribúsje: Heit en Mem wurdt fergees ferspraat yn in oplaach fan 35.000 eksimplaren. Der wurdt wurke neffens in redaksjestatút dat boarch stiet foar de ûnôfhinklikheid fan de redaksje. Dizze Heit en Mem is de earste fan twa nûmers dy’t yn 2015 ferskine sille yn dizze rige. Yn maaie ferskynt De Lytse Heit & Mem, in útjefte dy’t fia it Taaltaske ferspraat wurdt. Heit en Mem is in meartalich tydskrift en spesifyk rjochte op âlders mei bern yn Fryslân. Heit en Mem is fergees te krijen by boekhannels, biblioteken, gemeentehuzen en yn oare iepenbiere romten. Sjoch foar de ferspriedingslist op www.heitenmem.nl. Abonnemint Mei in abonnemint op it blêd Heit en Mem wurde jo foar € 10,trije nûmers tastjoerd. Sjoch op www.heitenmem.nl foar mear ynformaasje. ISSN: 1878-4437 Heit en Mem kinst ek folgje fia: Utjûn mei stipe fan de provinsje Fryslân.


Ynhâld nr. 01 38

Pleechâlders

26

Praatstok

03

Spreuktegel

32

Bewust(er) leven

24 Cytomegalovirus

04 Kolofon

26 Praatstok

06

Heit & Mem Post

30

Berneboeken

08

Underprestearje

32

Bewust(er) leven

11

Swier & Swiet

34

Schoolschrijvers

12

De bevallingscoach

38

Pleechâlders

14 Bern

40

Kollum Tjalling de Vries

16

41 Apps

English factory

18 Riemkje en Tomke

42

Boas wêze

20 Kreawurkwike

45

Myn koeser

21

Bernepraatsjes

47

Pake syn pop

22

Yn ferwachting

5


HeIt & MeM Post Wolsto wat oan ús kwyt? In bysûnder ferhaal, in moaie foto, in goeie tip of gewoan dyn miening ergens oer? Mail it ús of stjoer it op! ynfo@heitenmem.nl Heit & Mem Postbus 53 8900 AB Ljouwert. Of sykje ús op fia Facebook, Pinterest of Twitter.

Us eiGen kReamFeRsoaRchsTeR Spesjaal en fan grutte wearde wie it foar ús dat Aukje by al ús fjouwer berntsjes mei ús de kreamwike meimeitsje mocht. Wat hat sy ús yn ’e watten lein, de âldere bern fielden harren thús by har. En ek mei troch har soarch en leafde hawwe ús bern in geweldige start krigen. Tige tank Aukje! Groetnis fan Heino & Trijntje, Theun, Ottje, Corneliske en Sikke

GRUTTeR as GRUTsk Myn beppesizzer Jelte is krekt 4 jier wurden en is in skattige, blonde, stoere keardel. Ik bin tige grutsk op him. Wy wenje yn itselde doarp, dus ik sjoch Jelte wol gauris. Ik kin wol sizze dat ik in hechte bân mei him ha. Wy binne twa hannen op ien búk. At ik mei myn dochter belje, dan hear ik Jelte al op ’e eftergrûn en dan ropt er ‘Beppe, kom mar langs’ of ‘Jelte wol by beppe ite’. Hoe kin beppe soks no wegerje! Jelte hat by ús syn eigen itenspanne, beker, boartersguod, sânbak, ensfh. Doe’t er noch sa’n pjut wie fan 2½ jier frege er: ‘Jelte beppe passe, Jelte beppe ite, Jelte beppe koese?’ Ja, Jelte woe dan it hiele ‘pakket’. Pake, myn man, is fansels ek tige yn ’e geunst, mar Jelte sil meastentiids oan pake freegje: ‘Beppe thús?’ Jelte hie in drege start by syn berte, hy hat hast 3 wiken yn it sikehûs lein, mar lokkich gong it dêrnei de goeie kant op. Yn dy tiid hienen wy fansels in soad noed om him. Mar jonge jonge, wat is it in prachtkeardel! Sûnt sa’n 15 moannen hat Jelte in suske, Ronja Elisabeth. Ek sa moai. No moat ik fansels op myn wurden passe, want Jelte is beppe har grutste skat en Ronja beppe har wyfke. Ik soe wol sizze kinne ‘dat beiden de grutste skatten binne fan de hiele wrâld’, mar ik hâld it op ‘ik bin de grutter as grutske beppe fan de hiele wrâld’! Beppe Els Zijlstra

een jaaR laTeR… Wij zijn Rienk-Jan, Geert Johan, Anouk, Marije, Nills Simon, Hidde en Norah en we zijn allemaal bijna één jaar oud. Onze moeders kennen elkaar via de Zwanger & Fit-cursus in Dokkum en vinden het heel gezellig om met elkaar te kletsen. Ondertussen kunnen wij samen lekker spelen. We hebben elkaar voor het eerst gezien toen we een paar maanden oud waren. Toen was het nog makkelijk om ons samen op de foto te zetten. Zoals jullie kunnen zien is het bijna een jaar later ook gelukt om samen te poseren voor de foto. Is dit het begin van een jaarlijkse traditie? Wat ons betreft wel! Klasina Werf

6


poppe Fan De moanne! mei De poppe nei De osTeopaaT OP DE COVER STIET JULE PRINS ÚT SWOL.

sepTimbeR Leanne Klaske van der Zwaag út Broeksterwâld

ok TobeR

Nei in flotte befalling en goede start foel al gau op dat ús soantsje Bram in soad kreunde en molke weromjoech nei de fiedings. Hy spuide tusken de fiedings troch in soad, faak fan fieding oant fieding. Ek hie hy in soad muoite mei syn ûntlasting. Fan de laktaasjekundige krigen wy de tip om ris mei Bram nei in osteopaat te gean. In osteopaat sjocht nei it hiele lichem en sjocht at der fermindering fan beweechlikheid te finen is. Wy giene sûnder al te hege ferwachtings nei de osteopaat en lieten it oer ús hinne komme. Bram bleau hiel rêstich en seach ferwûndere nei de osteopaat. Al gau wie dúdlik dat koartsein de maachyngong en de oergong fan de tinne nei de dikke term ferdikt en ‘stram’ wiene. Dêrtroch moast Bram in soad muoite dwaan om de fiedingen te ferwurkjen en yn syn terms te krijen; in ferklearring foar it kreunen. Wat net yn de terms woe, kaam it lichem wer út yn de foarm fan spuien. Nei de earste behanneling hiene wy in hiel oare baby! It kreunen wie oer en is net wer weromkaam. Ek it spuien is ôfnommen, oant it weromjaan fan in ‘mûltsje’ nei de fieding. Wy hawwe yn totaal twa kear by de osteopaat west en hawwe dat as hiel posityf erfaren! Judith Holtrop

Alyanne Wijbenga út Ferwert

alleGeaRRe jonGes!

novimbeR Nathan Bijma út Kollumerpomp

Us heit en mem, Pieter en Reinschje Hiemstra, 60 en 65 jier âld, wenje yn Heech. Us mem komt út in gesin fan allinne famkes en ús heit hat fjouwer susters. No krigen ús heit en mem trije bern, ek wer allinne famkes; Margriet, Petra en Thea. “De jonges komme fansels wol”, seine se faak. No, dy binne der kommen! Alle trije dochters ha in partner fûn en yn totaal acht bern krigen! EN IT BINNE ALLEGEAR JONGES! Hoe is ’t mooglik! No seine ferskillende minsken om ús hinne al: dat soe leuk wêze foar in tydskrift! Om’t ús mem op en top Frysk is, tochten we as earste oan jimme blêd. Groetnis, Petra

DesimbeR Lisa van der Zwaag út Hurdegaryp Yn 2015 wurdt der gjin ‘Poppe fan de moanne-fotowedstriid’ mear hâlden.

7


Heechbegaafd, mar lege Cito-scores

Arjanne Nijp

8


Jesper siet yn groep 4 doe’t de juf syn âlders frege om mei him te oefenjen op kloklêzen. ‘Dêr seagen wy raar fan op’, fertelt syn mem. ‘Hy koe al kloklêze doe’t er 3 wie.’ It wie ien fan de earste sinjalen dat der wat net kloppe. Ferline jier, yn groep 7, waard echt dúdlik wat der oan ’e hân is: Jesper ûnderpresteart.

Underprestearje betsjut dat in bern op skoalle net it nivo sjen lit dat by syn of har yntelliginsje past. Jesper Douma (12) fan it Hearrenfean is hiel yntelligint, mar syn Cito-scores binne leech. Foaral mei rekkenjen en begripend lêzen hat er muoite. Doe’t ferline jier ûntdutsen waard dat er ûnderpresteart, siet hy mei syn rekkenjen op it nivo fan groep 4. Yntusken hat er dat yn in jier tiid ynhelle oant it nivo fan healweis groep 7. Mar dêr is in hiele syktocht oan foarôfgien. ‘Fuort nei de geboarte seach Jesper al hiel helder út syn eachjes’, fertelt mem Frea. ‘As peuterke stelde er fragen dy’t hielendal net by syn leeftyd hearden, hy wie hiel sosjaal en soarchsum, folwoeksen hast.’ Jesper syn âlders tochten dat dat gewoan wie. ‘Oare bern fûnen wy faak mar wat sloom,’ seit heit Johan, ‘mar wy hiene ek gjin referinsjekader, Jesper wie ús earste berntsje.’ ‘Jesper is fan novimber, dus hy hat lang kleutere’, giet Frea fierder. ‘Wy hiene wol it idee dat er útdaging nedich hie, dat er graach lêze woe, mar op skoalle liet er dat hielendal net sjen. Hy is gjin haantjede-voorste.’ Oan ’e ein fan it skoaljier wie Jesper foar it earst in pear wiken wat depressyf. ‘Foarsafier’t je dat depressyf neame kinne, by in bern fan 4.’ De prestaasjes op skoalle wurde hieltyd minder. De learkrachten fernimme dat Jesper hiel gefoelich is foar de sfear yn de groep, en dat er gau ôflieden is. ‘We zagen kenmerken van hooggevoeligheid’, seit juf Henja fan cbs Het Kompas. ‘Dus hebben we geprobeerd prikkels weg te nemen, en kreeg hij extra ondersteuning in de vakken waarop hij uitviel.’ ‘Ik heb een koptelefoon gehad, een scherm om me af te sluiten, of ik moest apart zitten’, fertelt Jesper. Mar it learen giet noch altyd achterút.

Ek de depressive buien wurde troch de jierren hinne hieltyd slimmer. Johan: ‘Oan ’e ein fan groep 5 wie it echt hiel heftich, foar ús allegear.’ Heit en mem wrakselje mar troch. Op ynternet sykje se dingen op oer ûnderprestearjen, en as Jesper yn groep 7 sit geane se nei in lêzing Misdiagnose bij hoogbegaafdheid. ‘Dêr foel alles op syn plak’, seit Frea. Ek juf Henja fynt it in goed idee om Jesper teste te litten op heechbegaafdheid. ‘Zo konden we zekerheid en handvaten krijgen.’ Uteinlik komt Jesper terjochte by Lidy Torenbeek fan Hoogvliegers. Sy jout him ien kear yn de wike ‘verrijking’, ekstra opdrachten om him skerp te hâlden.

‘Ik dacht altijd dat ik de domste van de klas was.’ Ek komt se ien kear yn de wike op skoalle, om Jesper te helpen mei de learstof. ‘De hersenen van hoogbegaafde kinderen werken heel anders. Ze gaan pas iets leren als ze weten waarom ze het moeten leren’, leit se út. ‘En ze moeten eerst het geheel overzien, voordat ze de tussenstappen begrijpen.’ Top-down leare, hyt dat. Wylst it gewoanwei yn it ûnderwiis krekt oarsom is. ‘Jesper is een creatieve denker,’ fertelt juf Henja, ‘nu leert hij bij rekenen de “analytische knop” aan te zetten. Ook hebben we de leerstof compacter gemaakt, en stellen we hoge eisen.’ ‘Als kinderen zoals Jesper de “verkeerde” uitleg krijgen, komen ze in een neerwaartse spiraal. Ze moeten extra oefenen, terwijl ze eigenlijk minder oefening en meer uitdaging nodig hebben. Dat kan zich dan uiten in faalangst of werkweigeren, maar ook leiden tot agressie of zelfs depressies en suïcidale gedachten’, leit Lidy út. Jesper

waard der hiel ûnseker fan. ‘Ik dacht altijd: dat kan ik niet hoor. Van Lidy heb ik geleerd om te denken: ik kan het nog niet, maar ik kan het wel leren.’ Ferhalen lykas dy fan Jesper binne eksimplarysk foar ûnderprestearders, wit Lidy Torenbeek. ‘Hoogbegaafde kinderen hebben een heel diep sociaal inzicht, daardoor durven ze zich niet uit te spreken of voor zichzelf op te komen. Ze willen niet onbeleefd of tot last zijn.’ Maar it kin ek hiel oars útpakke. ‘Dat er bijvoorbeeld stoelen door de klas vliegen. Soms komen deze kinderen zelfs in het cluster-4-onderwijs terecht, voor kinderen met ernstige gedragsproblemen. Daar komen ze dan tot rust en kunnen ze hun eigen onderwijsprogramma volgen.’ Op skoallen is faak mar in bytsje kennis oer ûnderprestearjen, wit Lidy Torenbeek. It is ek lestich te werkennen. ‘Als de scores slecht zijn, kijk dan eens met de ouders naar hoe het kind was in de tijd dat het zichzelf durfde te zijn. Geen enkel kind wordt onderpresterend geboren.’ Frea: ‘Tsjin oare âlders wol ik sizze: wês alert en fertrou op dyn yntuysje. Wy binne gjin âlders dy’t altyd by skoalle steane. Se witte dêr ommers hiel goed wat se dogge. Mar no tink ik wolris: wêrom ha wy net wat earder trochpakt?’ Sûnt Jesper wit wat der mei him oan ’e hân is, is hy in hiel oar jonkje wurden, fine syn heit en mem. ‘Hy is selsstanniger en sit folle better yn syn fel.’ Jesper: ‘Ik dacht altijd dat ik de domste van de klas was, maar dat ben ik helemaal niet, ik ben misschien wel een van de slimsten.’

Mear witte? Sjoch op www.hoogvliegersadvies.nl en www.onderpresteren.nl

9


Simmerkampen op Schylge

Komst ek nei Skylge dizze simmer? Der binne wer trije simmerkampen foar bern fan ferskillende leeftyden op de Folkshegeskoalle. Speurtochten, kampfjoer, lol meitsje en gekjeie, it kin allegear! In entûsjaste ploech lieding makket der in gesellige wike fan. Jou dy no op!

Earste simmerkamp 5 - 11 july foar jonges en famkes fan 9 en 10 jier Twadde simmerkamp 12 - 18 july foar jonges en famkes fan 11 en 12 jier Tredde simmerkamp 9 - 15 augustus foar jonges en famkes fan 13 en 14 jier

Natuer, edukaasje en ferdivedaasje yn de Skylger bosk! www.folkshegeskoalle.nl

· Ien Omring Kreamsoarchtalint foar dyn hiele kreamtiid · Dy’t foar rêst en fertrouwen soarget by de befalling · Klanttefredenens 9.2 Koartsein: alles wat Winsklik is foar in ûnferjitlike kreamtiid!

Sjoch foar mear ynformaasje op: omringkraamzorg.nl


sWIeR & sWIet lytse griemer! Griemen wurdt noch leuker mei sa’n moai Frysk slabke. It hat in handige klittebânsluting en is yn trije kleuren te krijen yn de Fryske boeken kadowinkel yn Ljouwert. Ek te bestellen fia websjop.afuk.nl.

bertestuoltsje In orizjineel bertekadootsje betinke is net altyd maklik. Mar mei dit kadootsje sitst altyd goed! Mariska en Marijke út Blauhús beskilderje in bernestuoltsje krekt sa asto it ha wolst. Hielendal moai is it fansels ast it bertekaartsje derop skilderje litst! Mar ek foar oare leuke, persoanlike bertekadootsjes kinsto by harren terjochte. Sjoch foar mear ynformaasje op www.kleanenkado.nl.

lekker koese! Jacoba út Ferwert set prachtige Fryske teksten op houten buorden. Lykas bygelyks dit boerd mei ‘lekker koese’. Do kinst sels oanjaan hokker namme ast der op ha wolst! De buorden binne 30 by 40 sm. Te bestellen foar € 22,95 by www.stylshop.nl

befalle yn bad Hieltyd mear froulju kieze foar in badbefalling. Yn bad kinst hiel maklik ferskate hâldings oannimme, omdatst gjin swiertekrêft fielst. En dêrneist hat it waarme wetter in ûntspannende en pynstillende útwurking. Ast fan doel bist om thús te befallen, kinst in befalbad bestelle by bygelyks www.dezwangerehuismus.nl yn Winsum.

wist je dat…

Eenpasgeboreneongeveer iedere20minutenplast? Tegendetijddatze 6maandenzijndoenze datongeveeriederuur.

11


Wendy Kennedy

In gerêst hert Befalle mei in coach

Helpe by fragen lykas ‘Wat is in goede hâlding?’ en ‘Hoe moat ik sykhelje?’, in ûntspannende massaazje jaan of de partner rêstich hâlde, dat binne allegearre saken dêr’t in befallingscoach har mei dwaande hâldt. Befalle mei in coach – ek wol in doula neamd – is yn opkomst. Doula (sprek út as dûla) is it âld-Grykske wurd foar ‘tsjinjende frou’. Koartsein: in doula soarget foar mentale stipe by de befalling.

Janneke Bruno út Balk is krektlyn befallen fan har tredde famke, Evi. Méi stipe fan in befallingscoach. It gie fansels al in stik better om’t se it keunstke foar de tredde kear die, mar de stipe fan Johanna van der Bos, de befallingscoach, hat seker holpen. En wat hie se Johanna der graach by hân by de berte fan de earste: ‘Ik wie ûnseker en wat ekstra stipe hie wolkom west.’

12

De doula De befallingscoach is in nij fenomeen yn Fryslân. It giet hjir om spesjaal dêrfoar oplate kreamfersoargers troch de ferneamde ferloskundige Beatrijs Smulders. Omring Kraamzorg is drok dwaande om yn it Súdwesten fan Fryslân sokke kursussen te jaan oan kreamfersoarchsters, sadat dy ek as

befallingscoach ynset wurde kinne. Se binne yn Noard-Hollân al wat fierder. Dêr is de helte fan de kreamfersoarchsters fan Omring Kraamzorg ek befallingscoach. ‘Ut ûndersiken docht bliken dat befallen mei in doula grutte foardielen hat’, fertelt Anneke Huisman fan Omring Kraamzorg. ‘De froulju hoege minder faak ûnder de befalling nei it sikehûs, der is minder kâns op in keizersneed of komplikaasjes, der hoecht minder pinemedikaasje tapast te wurden en de befalling giet rapper.’ Ferlet by ferloskundigen Omring Kraamzorg fernimt dat der by ferloskundigen in tanimmende fraach is nei de oanwêzichheid fan in befallingscoach by de befalling. Ferloskundige Tryntsje Postma fan praktyk Rûnom yn Koudum befêstiget dat. ‘Foaral by froulju dy’t slim tsjin in befalling opsjogge, om’t bygelyks de eardere befalling net sa goed ferrûn. It is goed dat der de hiele tiid in fertroud


Op de foto steane: Evi (5 moanne), Dian (3), mem Janneke en befallingscoach Johanna.

persoan by de befalling is, der wurdt sa better gearwurke tusken de ferloskundige en de kreamsoarch en dat komt de hiele bertesoarch allinnich mar te’n goede.’ Wat neffens Anneke Huisman fierder in rol spilet by de tanimmende fraach nei befallingscoaches is it advys fan de Stuurgroep Zwangerschap en Geboorte, ein 2009. Sy advisearje om froulju ûnder de befalling net allinnich te litten. It advys is opsteld om’t de poppestjerte yn Nederlân heger leit as yn oare Europeeske lannen. ‘In ferloskundige hat faak mear as ien befalling tagelyk, en dan is it goed dat der in kundige befallingscoach by de mem bliuwt’, sa fertelt Huisman. Fryske befallingscoach Johanna van der Bos út Harich is ien fan de befallingscoaches dy’t Omring Kraamzorg op it stuit hat. Se sit al sûnt 1980 yn ’e kreamsoarch en hat al hiel wat meimakke. ‘Yn ’e jierren tachtich

wie in kreamfersoarchster eins ek al in soarte fan befallingscoach. Faak siet in frou wol twa dagen yn in befalling en de kreamfersoarchster wie dêr dan de hiele dei by. Befallingen waarden meastal troch de húsdokter dien, dy’t fansels mear te dwaan hie op in dei. Soks komt hjoed-de-dei net mear foar. Der binne no allegearre protokollen as in befalling te lang duorret. Dêrnei hat it in hiel skoft sa west dat de kreamfersoarchster pas hiel let by de befalling roppen waard, mar dêr komme se no hieltyd mear op werom.’ Van der Bos wie in pear moanne lyn as befallingscoach by de befalling fan Janneke Bruno. ‘As coach kreëare je in stikje rêst sadat de frou har ûntspanne kin. Ek it gerêststellen fan de partner heart derby. Froulju binne ûnder de befalling net altyd harrensels, en kinne raze of ferfelende opmerkings meitsje. Ik sis dan altyd tsjin de partner: dat heart derby, aanst is it wer oer.’

Kursus Omring Kraamzorg biedt kream­ fersoargers de kursus befallingscoach oan. Nei it suksesfol ôfmeitsjen fan de kursus krije de dielnimmers in sertifikaat. Op it stuit hat Omring Kraamzorg twa offisjele befallingscoaches yn Fryslân. De coaches binne sawol by thúsbefallings aktyf as by befallings yn guon sikehuzen. De kommende tiid sille mear Fryske kreamfersoargers de kursus befallingscoach folgje. Janneke Bruno wie bliid dat Johanna der wie: ‘Der is ien dy’t dyn hân beethâlde kin, in waskhantsje op dyn holle leit en dy helpt mei it sykheljen.’ Allegear saken dy’t de ferloskundige net dwaan kin, om’t dy it al drok genôch hat mei it medyske part. ‘Op sa’n momint kinst hast net mear prate en dan is it noflik dat der ien is dy’t fertrouwen jout, sadatsto dy oerjaan kinst.’

13


BeRN swaaie nei beppe Elke twadde sneon fan de moanne kinst twaris deis de Achmeatoer (115 meter heech!) ‘beklimme’ mei in supersnelle lift. Boppeyn, op de 26e ferdjipping, hast in machtich útsjoch. Net ferjitte om eefkes nei beppe te swaaien. www.vvvleeuwarden.nl

sjong in ferske

Foar alle Tomke-fans!

Wa leart jim dochter de bekende wyskes en lietsjes lykas Oze wieze woze, Jan Huigen in de ton en Alle eendjes? Sjongen befoarderet de ûnderlinge bân tusken de ferskillende generaasjes. Wat in wille! Tegearre mei in bern in ferske sjonge is ek goed foar syn/har taalûntwikkeling, taalfeardigens en wurdskat.

Lês de nije aventoeren fan Tomke yn ‘Tomke útfanhûs’. Foar € 6,50 te keap yn ’e boekhannel en ek te bestellen by websjop afuk.nl.

pake en beppe foar begjinners Als opa en oma wil je je kleinkind graag de dingen leren die je zelf als kind deed, gewoon de leuke spelletjes en activiteiten waarvoor je nog geen spelcomputer of tablet nodig had en die nog steeds heel erg leuk zijn om te doen. Maar een hoedje van papier vouwen, een hinkelblok maken, een aardappelstempel, een grasfluit of een walkietalkie maken van twee blikjes: hoe doe je dat ook alweer? Lees het in de gloednieuwe boekjes ‘Opa voor beginners’ en ‘Oma voor beginners’. € 9,95

kadootsje?! Hawwe jim freonen krekt in lytse poppe? Jou in leuk kadootsje wei! Foar € 10 krije se in jier lang de Heit & Mem yn ’e brievebus.

bleate fuotten Famkesfuotten stopje om it tolfde jier hinne mei groeien. Jongesfuotten groeie langer troch, oant har fyftjinde!

14


lekker ite! No’t in protte bern in folkontinu-roaster hawwe, giet der ek in bôletrompke mei nei skoalle. Ferras de hongerige ris mei in hantsje rezinen of nútsjes, in ryswafel, in augurk of in stikje woartel. In lekker hapke past altyd!

vakantiegezin Europa Kinderhulp is op zoek naar gezinnen in Friesland die tweeënhalve week een Frans, Duits, Belgisch of Nederlands kind bij hen thuis willen laten logeren. Vakantieouder zijn draait om rust en regelmaat, om liefde en aandacht voor kinderen die vaak opgroeien in troosteloze en moeilijke omstandigheden. Een vakantie in Friesland geeft letterlijk en figuurlijk ruimte om weer even kind te zijn. Meld je aan en maak een verschil in het leven van een kind. Meer informatie: www.europakinderhulp.nl of stuur een e-mail naar friesland@europakinderhulp.nl. Voor telefonische informatie kunt u contact opnemen met Joke de Vries, 058-2573612.

lees me voor! Op Leesmevoor.nl kun je samen met je kind digitale prentenboeken (voor) lezen. Voorlezen is erg belangrijk voor de taalontwikkeling van jonge kinderen, en uit wetenschappelijk onderzoek is gebleken dat een goed geanimeerd voorleesverhaal kinderen sneller begrippen laat leren. Daarom hebben schrijvers en illustratoren uit het hele land hun talenten gebundeld om jou gratis digitale voorleesverhalen aan te bieden, óók in het Fries. Kijk ook op www.leesmevoor.nl

lytse prinseskes wist je dat: De meeste kinderen in westerse landen zindelijk worden tussen de 2 en 3 jaar? Meisjes worden vaak iets eerder zindelijk dan jongens. In 1970 werden kinderen echter nog zeven maanden eerder zindelijk. Dit komt omdat de luiers van nu veel comfortabeler zijn dan die van vroeger, waardoor een kind niet meer goed voelt of hij of zij gepoept of geplast heeft.

Esther út Koudum wit wol wat lytse famkes moai fine. Se hat in webwinkel mei ûnder oaren ôfgryslik leuke rokjes en jurkjes fan it merk The Dutch Design Bakery. De ideale feestjurkjes foar lytse prinseskes. Gean nei www. kiddeaus.nl en krij 10% koarting mei de koartingskoade ‘heitmem’. (jildich oant en mei 30-06-2015)

15


Monique Flinker

Ingelsk foar lytse bern? No pressure! Boartsje, dûnsje, sjonge en nifelje. De bern fan The English Factory yn Harns hawwe it mar drok. Mar de risseltaten binne der dan ek nei. Net allinnich meitsje se keunstwurkjes, se leare ûndertusken ek de Ingelske taal.

‘How many wheels are on the bus? One, two, three, four!’ Juf Sue Smeding, eigener fan The English Factory, stekt tagelyk fjouwer fingers yn ’e loft. Oan it begjin fan de les hat se it ferske mei de bern oefene. No komt de ferrassing: sels in bus meitsje. Mei in teedoaske, papier en foaral in soad kreativiteit. De skuon gean út by de doar. It moat húslik wêze, mar net krekt as thús. As lytse enerzjybomkes stuiterje de learlingen troch de romte. Dy stiet fol mei boartersguod. Want it is gjin les lykas op skoalle. Hjir meie de bern sels witte wat se dogge, en wurdt der sa no en dan Ingelsk tsjin harren praat. Hoe âlder de bern, hoe mear Ingelsk. Oft se antwurdzje yn it Ingelsk, Nederlânsk of Frysk, dat meie se sels witte. It doel fan de lessen is om bern fertroud te meitsjen mei de frjemde taal. Sue fernimt dat bern, mar ek folwoeksenen, it faak

16

dreech fine om in oare taal te praten. Dat hat alles mei selsbetrouwen te krijen, tinkt se. ‘Bij ons komen kinderen al op jonge leeftijd op een speelse manier in aanraking met Engels. Er staat geen druk op en dat is goed voor het zelfvertrouwen.’ Ien fan har entûsjaste learlingen is Arne (4), de soan fan Albertina Soepboer. Arne is gek op muzyk, en dêrom socht Albertina foar har soan in groep of kursus dêr’t er wat mei muzyk dwaan koe. Om ’e hoeke by harren hûs siet The English Factory, dêr’t dus ek in soad mei muzyk dien wurdt. Nei de earste les wie Arne entûsjast en dat is nea wer feroare. ‘As ik sis: wy gean wer nei Sue, dan is it feest’, seit Albertina. It earste jier gong Albertina noch mei, nei de pjuttegroep. De âlders hienen dêr ek in aktive rol yn: meidûnsje en -sjonge. En as de bern dan tuskentroch boartsje mochten, wie der foar de memmen tiid

foar kofje. Yn Ingelân binne dy ‘mother & toddler groups’ de gewoanste saak fan ’e wrâld, mar hjir wie it nij, fernaam Sue. ‘In Engeland bestaan overal groepen voor: in de bibliotheek, bij muziekles en op sportief gebied. Hier zie je het eigenlijk alleen bij zwemlessen.’ Sue wennet al jierren yn Harns, mar is in ‘native speaker’. Berne yn Oxford learde se op de universiteit yn Londen har man kennen. In Fryskpratende ouwe seun út Harns. De earste jierren wennen se mei de bern yn Ingelân, mar twa jier foardat de âldste nei de middelbere skoalle soe, woe Sue in pear moanne mei de bern nei Nederlân. ‘Ze kenden de taal niet, konden niet met opa en oma praten. Dat vonden we zo jammer.’ De moannen waarden in jier. Sa koenen de bern alles meimeitsje: de Fiskerijdagen yn Harns, Sinteklaas, de peaskedagen. Mar nei dat jier woenen de bern net


wer werom nei Ingelân. Sue: ‘Ze vonden het hier geweldig. En ze konden goed meekomen op school. Dat was voor ons het belangrijkste.’ En dus bleau it gesin yn Harns. Foar Sue, ôfstudeard yn marketing en advys, wie it efkes omskeakeljen. De skoalle fan har bern frege har om by te springen. Earst as foarlêsmem, letter ek foar Ingelske (by)lessen. Dat rûn sa goed, dat der in wachtlist kaam. Sue moast kieze: trochgean en útwreidzje, of dermei ophâlde. Se keas foar it earste, mei as risseltaat goed 100 learlingen, fan jong oant âld, dy’t alle wiken by har oer de flier komme. Ek wurkje der, ynklusyf Sue, yntusken acht minsken by The English Factory. De moandeitemiddei is reservearre foar de jongste groep. Sy boartsje in soad. Wurde de bern âlder, dan komt der wol wat mear struktuer yn de lessen. Mar it bliuwt oars

as op skoalle, seit Sue. ‘De kinderen volgen hier geen methode. We verzinnen leuke dingen om te doen, al dan niet in het Engels.’ Sa binne der sportaktiviteiten yn it Ingelsk, mar ek in make-up kursus en in les yn hierdracht. Yn de takomst hopet Sue ek noch mear gear te wurkjen mei skoallen. It falt har op dat in soad learkrêften hiel goed lesjaan kinne, mar net goed witte hoe’t se dat dwaan kinne yn in oare taal. ‘Ik heb wel cursussen gegeven aan leraren. Dan liet ik ze zelf een lesmethode kiezen waar ze zich prettig bij voelden. Want dat is het geheim: voelen zij zich goed, dan gaat het lesgeven ook veel beter.’ De ein fan de les. Wylst de âlders by de doar stean te wachtsjen, binne de bern noch net fan doel om al nei hûs ta te gean. It duorret dan ek efkes foardat de rêst werom is yn The English Factory. Mem Albertina stiet noch efkes nei te praten

mei Sue. Sy binne op it stuit dwaande mei in nij projekt, wêrby’t bern fanút harren eigen fertroude taal – Nederlânsk of Frysk – ek it Ingelsk leare kinne. Meikoarten komt it earste boekje út. Foar mear ynformaasje: www.englishfactory.nl Do

H y el l En ou s o, g l pe ish ak ?

. , Yes glish n E eak I sp

17


Ciska Noordmans

d e M ie k s t Je

e ma

r Pitst e j k Rie m

Riemkje en Tomke twa hannen op ien bĂşk 18

a


In protte húshâldings ha thús fêst in tekst fan Riemkje Pitstra yn de boekekast stean. Tomke is, mei syn freonen Romke, Kornelia en Yana Yu, in Fryske VIP op ferskeidene pjutteboartersplakken en berne-deiferbliuwen. Wat gruttere bern kenne Riemkje har teksten faaks fan de radioprogramma’s lykas bygelyks Marten de Mûs en de Bisteboat. Dizze tûzenpoat is al jierren warber mei Fryske teksten foar jonge bern.

Riemkje Pitstra is berne yn 1944, as dochter fan in Nederlânsktalige mem en in heit dy’t Frysk prate. Riemkje: ‘Twataligens wie foar my dus hiel gewoan. It lei de grûnslach foar myn leafde foar taal en myn krewearjen foar meartaligens en it Frysk. Doe’t ik de kweekskoalle yn Steenwijkerwold die, wie de basisskoalle yn ’e Rottefalle ien fan myn staazjeplakken. Dat wie ien fan de earste twatalige basisskoallen yn Fryslân. Ik fielde my dêr as in fisk yn it wetter. Doe’t ik klear wie mei myn oplieding, sieten de skoallen om ûnderwizers te springen. Ik fûn myn earste baan by de roomsk-katolike basisskoalle yn Sint-Nyk, ek in meartalige skoalle. Dêr wie hast gjin meartalich materiaal foarhannen. Dus doe moast ik sels fan alles meitsje. Mei help fan stinsels, boerdtekeningen en it lêsrak ha ik sels in protte Frysk lesmateriaal ûntwikkele. Ik ha my hielendal útlibbe yn leuke opdrachten en ferskes dy’t ik dan mei de akkordeon op skoat de bern oanlearde. Yn de santiger jierren kamen de subsydzjes los foar achterstânslearlingen. En ús skoalle krige de folle mep oan subsydzjes. Der kaam jild foar in ekstra learkrêft. No, dat like my wol wat! En sa makke ik doe ynienen lessen foar bern dy’t net goed meikomme koenen. Wy rûnen foarop mei ús materiaal. Jierren

letter folge hast as fansels de oerstap nei it de ûnderwiisbegeliedingstsjinst MSU/ GCO, de foarrinner fan Cedin. Hieltyd mear kaam it besef by ynstânsjes lykas it GCO, de Afûk en de Bibleteekservice Fryslân dat der foar de jongste bern gjin geskikt lesmateriaal yn it Frysk wie. Doe’t de wurkgroep ûntstie, waard njoggen moanne letter Tomke berne. En yllustrator Luuk Klazenga brocht him ta libben. By de ferhaaltsjes fan Tomke is werkenberheid altyd it útgongspunt. It allerearste boekje wie “Tomke nei de kapper”, want alle pjutten fine dat geknip oan ’e holle fansels spannend de earste kear. It aldernijste boekje is “Tomke útfanhûs”. Heit, mem en koesers achterlitte, dat fielt as in wrâldreis! Ik besykje altyd in orizjinele draai oan myn teksten te jaan, at it no giet om ferskes, boeken of in nije foarstelling. Tegearre mei Jetske Miedema spylje ik no ús tredde foarstelling, “Lekker ite”. Wy trede ûnder oaren op yn bibleteken, bernesintra, skoallen foar spesjaal ûnderwiis en somtiden by gastgesinnen thús. It rint as it spoar. “Lekker ite” is makke foar jonge bern. Wy besykje altyd fan in lyts ûnderwerpke in grut spektakel te meitsjen. We hâlde it dêrmei ienfâldich en begryplik en dat is foar ús - faak meartalich - publyk in pree. In optreden is in feestje foar de bern, mar ek foar ús!’

Tomke is in foarlês- en taal­ stimulearrings­programma foar pjutten. Elk jier ferskynt der in gratis Tomkeboekje, û.o. te krijen yn de bibleteken yn Fryslân. www.tomke.nl

19


op kReaTive FakÂnsje mei DYn beRn op skYlGe Froukje Sijtsma

In wike lang mei dyn bern, nichtsje of neefke op fakânsje, sûnder jimme mar in tel te ferfelen. Dat kin fan ’t simmer yn de alderearste Kreawike op de Folkshegeskoalle op Skylge. Alle dagen meitsje dyn bern en do op boartlike wize de moaiste keunstwurken. De akkommodaasje stiet midden yn de bosk en is op fytsôfstân fan de see. In prachtige lokaasje om te ûntspannen en te boartsjen. It is hiel leuk en sels maklik om keunst te meitsjen mei materialen út de natoer, leit Amarins Geveke fan de Folkshegeskoalle út. ‘Kursuslieder Saskia van Gelderen is in echte kreative tûzenpoat, dy’t al jierren kursussen foar bern en folwoeksenen fersoarget. Sa giet se mei de minsken de bosk yn om te sykjen nei natuerlik materiaal. Se leart kursisten ek hoe’tst sels kwasten en farve makkest, om dêrmei dyn eigen skilderij te meitsjen.’

20

Op Skylge spielt der fan alles oan op it strân. Yn de Kreawike sille de bern en folwoeksenen dan ek in dei te strânjutten. ‘Mei oanspield guod kinst hiele moaie toatempeallen meitsje’, fertelt Amarins. Of wat tochtst derfan om dyn eigen geheimskrift te betinken, of mei alle bern en folwoeksenen in echte fi lm te meitsjen? ‘In hiele wike lang wurde jong en âld útdage om kreatyf dwaande te wêzen. En fansels krije de bern har keunstwurken mei nei hûs.’ De kursus is foar alle folwoeksenen dy’t graach in pear kreative dagen mei har bern belibje wolle. Amarins: ‘Wy hoopje dat gesinnen de Folkshegeskoalle wer ûntdekke as in moai plakje dêr’tst in prachtich moaie tiid meimekoar belibje kinst, en dy’t ek noch wat opleveret omdatst wat makke hast, wat leard hast, ynspiraasje opdien hast, mar ek gewoan plezier hân hast.’

Praktyske ynformaasje: Fan 26 o/m 31 july 2015 Dielnimmers binne 6 jier of âlder. Prizen folpensjon: €500,- folwoeksenen, famyljekeamer €129,- bern, famyljekeamer www.folkshegeskoalle.nl


BeRNePRAAtsJes Hat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei ynfo@heitenmem.nl.

Emma (2) leit har holle op mem har sân moanne swangere búk. Dat hat se al faker dien, mar sûnder risseltaat. Dizze kear heart se in gelûdsje (yn ’e mage) en ropt fol ferwûndering: ‘Jaaa, de baby is oan!’

Wy binne by de ferloskundige foar in echo en Thyme (hast 2) is ek mei. By it hearren fan it hertsje begjint Thyme te glunderjen. As mem freget wat dat is, antwurdet Thyme entûsjast: ‘In helikopter!’

‘Britte, do moatst al dyn hannen foar de mûle hâlde ast kochelje moatst’, seit mem. Mar dat is net mooglik neffens Britte (3). ‘Dêr binne myn hannen te wurch foar!’

Viggo (4): ‘Juf? Lauren (1) is no gjin baby mear, mar in drumstel!’ (dreumes)

Op jierdeibesite ergens op ’e klaai seit in menear tsjin ús Daniek (3): ‘Sis dat mar tsjin hait!’ Daniek sjocht nuver en seit: ‘Us heit hyt gjin hait, mar ús heit hyt Sytze!’

It oppasfamke (4) seit: ‘Ik moat plasse!’ Wêrop’t ús Fenna (4) antwurdet: ‘Dat hyt hjir pisje!’

Thije (3) lit in boer, wêrop’t mem seit: ‘Wat sizze wy dan? “Pardon”!’ Wêrop’t Thije reagearret: ‘Nee hear mem, as ik in boer lit sis ik “BUUURP”!’

Doe’t ús Rixte in jier as 2,5 wie stienen wy by de stopljochten te wachtsjen. Sy foar op de fyts yn it sitsje. Neist ús stie in frou mei in holledoek. Rixte hie allang wol yn ’e gaten wa’t dat wie. ‘Sjoch memmy, dêr stiet Roodkapje!’

21


Anouk Tijmensma (28) is 23 wiken yn ferwachting. Anouk en har freon Mark wenje mei soantsje Niyo (3) yn Drylts. Mei syn trijen sjogge sy Ăşt nei de komst fan in nij libben yn juny.

22


Hormonen

‘De eerste 14 weken was ik misselijk. Met een klein mannetje over de vloer heb je niet zoveel tijd om daar lang bij stil te staan. Gelukkig kan ik nu volop genieten van de zwangerschap. Ik probeer zolang mogelijk door te gaan met de dagelijkse dingen. Naast mijn parttime baan dans ik bij Dance Explosion, een productiegroep voor talentvolle jonge dansers in Sneek. Op dinsdag train ik mee, maar meedansen in de voorstelling van juni, dat gaat niet meer lukken. Ik merk nu al dat ik bepaalde oefeningen een beetje moet aanpassen. Nu ik weer zwanger ben, vind ik het leuk om samen met Mark opnieuw bezig te zijn met mijn babylifestyle webwinkel, mam-anouk.nl. Meestal kom ik met de ideeën voor de babykamer en maakt Mark de spulletjes van steigerhout. Toen ik net bevallen was van onze eerste zoon Niyo kreeg ik last van vage klachten. Zo erg dat ik een jaar thuis kwam te zitten. Toen werd het idee voor de webwinkel geboren. Ik was moe, had last van hartkloppingen, ik had het warm en vergat van alles; concentreren was moeilijk. Eerst dacht ik, ‘ach, het zijn de hormonen’, maar het ging niet over. Via de huisarts belandde ik bij de internist, die al snel constateerde dat mijn schildklier niet meer functioneerde. Er is nog veel onbekend over de combinatie van schildklier en zwanger zijn. Veel vrouwen blijven rondlopen met de vage klachten en belanden in een postnatale depressie. Want je wordt er behoorlijk down van als je lange tijd je eigen ik kwijt bent! Het gevolg is dat ik nu een leven lang medicijnen moet gebruiken om de hormoonhuishouding te reguleren. We waren benieuwd of onze kinderwens voor een tweede in vervulling zou kunnen gaan, maar gelukkig hoefden we niet lang te wachten.

Ik probeer bewust tijd te maken voor deze zwangerschap. Via de verloskundigenpraktijk ga ik nu naar de bijeenkomsten van Centering Pregnancy. Het is een groep van zwangere vrouwen met wie je ervaringen kunt delen, onder begeleiding van een verloskundige. Je krijgt elke keer weer nieuwe inzichten. Zo was er een moeder die vertelde dat haar kind na een concert met zware tonen lange tijd heel rustig was gebleven. Normaliter zou je hier misschien onzeker van worden, nu kun je het herleiden en leer je te luisteren naar je lijf. Ik ruik ook veel beter dan voorheen en de opruimwoede heeft weer toegeslagen. Het heeft vast te maken met de moederlijke instincten die geactiveerd worden. Niyo vindt de groeiende buik ook erg interessant en verheugt zich op de komst van zijn kleine broertje. Vanaf het begin hebben we hem meegenomen naar de verloskundige en betrekken we hem bij de zwangerschap. Niyo kreeg de eer het grote nieuws aan de opa’s en oma’s te vertellen. We hadden thuis goed geoefend met het zinnetje “Mama heeft een baby in de buik”, en alle ouders stonden perplex. Ze konden het bijna niet geloven!’

Wolst witte hoe’t de befalling gien is en hoe’t de poppe fan Inez en Rienk der útsjocht? Gean nei www.heitenmem.nl foar it ferfolch! Bisto yn ferwachting en wolst ek meidwaan oan dizze rubryk? Mail in foto fan dysels mei in koart ferhaaltsje derby nei ynfo@heitenmem.nl

23


Femke Jaarsma

Hoe vermijd je een infectieziekte tijdens de zwangerschap? Meer voorlichting nodig over cytomegalovirus

24


Wat kun je beter niet eten of doen? De voorlichting over het vermijden van infectieziektes tijdens de zwangerschap is volgens onderzoekers onvoldoende. Veel vrouwen weten namelijk niets over het cytomegalovirus. Dit kan – via plasluiers of speeksel – een mentale achterstand of doofheid bij de baby veroorzaken.

Iedere zwangere kent de waar­ schuwingen: eet geen rauw vlees en was groenten en fruit goed. Laat het verschonen van de kattenbak aan iemand anders over en draag handschoenen bij het tuinieren. Hiermee verklein je de kans op een toxoplasmose-besmetting, die schadelijk kan zijn voor je ongeboren kind. Om dezelfde reden wordt ook het eten van rauwmelkse kaas en verpakte gerookte vis afgeraden: deze producten kunnen de listeria-bacterie bevatten. Maar aanstaande moeders weten weinig of niets over het cytomegalovirus (cmv). ‘Ook bij onze beroepsgroep is kennis over cmv gering’, vertelt verloskundige Marije Feenstra van de verloskundigenpraktijk Bonnehûs in Leeuwarden. ‘Ik ben een jaar geleden afgestudeerd, maar zelfs toen was het op mijn opleiding nog nauwelijks onderdeel van de lesstof. Ik hoorde dat er nu, vanaf het tweede jaar, wél les over wordt gegeven.’

doet er dus goed aan om extra goed de handen te wassen na het verschonen en geen bekers of bestek te delen met haar kind. Zwangere peuterleidsters moeten ook voldoende hygiënische maatregelen in acht nemen. En bijvoorbeeld het speelgoed – waar jonge kinderen vaak op sabbelen – afwassen met handschoenen aan.’ Bij slechts 5 tot 10 procent van de besmette baby’s zijn direct na de geboorte al symptomen te zien, zoals: laag geboortegewicht, lage spierspanning, een klein hoofdje, vergrote lever of milt of last van stuipen. Bij 10 tot 15 procent van de ogenschijnlijk gezond geboren geïnfecteerde kinderen ontstaan er in de loop van de eerste levensjaren alsnog symptomen in de vorm van doofheid of een motorische of mentale achterstand.

Zwangerschapsfolder ‘En kijk,’ zegt ze terwijl ze de officiële zwangerschapsfolder van het RIVM erbij pakt, ‘cmv staat zelfs nog niet in het standaard risico-lijstje.’ De volgende druk wordt aangepast, is haar verzekerd. Meer voorlichting blijkt nodig. Want jaarlijks raken ruim duizend ongeboren kinderen geïnfecteerd met cmv. Hier zullen 180 kinderen blijvende gevolgen aan overhouden: slechthorendheid, doofheid, spastische verlamming, ‘onhandigheid’ of mentale problemen.

Hielprikbloed Zo ook bij Talita Bijlsma (6) uit St. Nicolaasga. Haar moeder Anna Egbers vertelt: ‘Tot een jaar geleden hadden we nog nooit gehoord van cmv. Wel vonden we dat Talita in haar ontwikkeling iets achterliep. Ze had problemen met haar motoriek, en met het bewaren van het evenwicht. Daarom kreeg ze kinderfysiotherapie. Toen ze vijf was, kwam er een brief van het Leids Universitair Medisch Centrum. Ze waren daar bezig met een onderzoek naar cmv en ze onderzochten steekproefsgewijs het hielprikbloed van jonge kinderen. Als je dit hebt aangegeven, blijft dat voor enkele jaren bewaard.’

Het virus gaat over van mens op mens. Besmetting gebeurt vooral door peuters die het virus ongemerkt bij zich dragen. ‘Via plasluiers of speeksel. Een aanstaande moeder die een peutertje heeft rondlopen,

‘Een halfjaar later volgde er een telefoontje: “Bij uw kind is cmv geconstateerd.” Er werden meerdere symptomen genoemd, die bij Talita pasten. Want inmiddels was op school

gebleken dat niet alleen haar motorische maar ook haar mentale ontwikkeling iets achterliep. De puzzelstukjes vielen pas in elkaar toen we in Leiden een ouderdag bezochten. Daar spraken we onderzoekers én andere ouders van kinderen met cmv. We hoorden dat de afwijkingen nog vele malen erger konden zijn dan die van onze dochter.’ De vraag blijft hoe Anna het virus heeft opgelopen. ‘Onze zoon was op dat moment drie jaar dus misschien heb ik het via hem gekregen? Ik kwam natuurlijk op zijn peuterspeelzaal en soms ook op de peuterspeelzaal van het asielzoekerscentrum waar ik werk.’ Onomkeerbaar Cmv is onomkeerbaar. Er zijn geen geneesmiddelen die de opgelopen gevolgen kunnen wegnemen. Toch geeft het rust te weten wat hun dochter heeft, zegt Anna. ‘Als je kind iets niet snel oppikt, ben je misschien geneigd om te pushen. Wij weten nu dat Talita echt meer tijd nodig heeft dan andere kinderen om iets nieuws aan te leren. Dat geldt niet alleen voor schoolvakken maar ook voor bijvoorbeeld zwemmen of computeren. Maar ze zit op een geweldige school met begripvolle juffen. Met elkaar kijken we waar Talita bij gebaat is. Ze komt er wel, in haar eigen tempo.’ ‘Een beetje schuldgevoel heb ik wel. Ondanks een gezonde leefwijze kon ik haar onvoldoende beschermen toen ze in mijn buik zat. Jammer dat ik toen nog niks over cmv wist. Daarom is voorlichting erg belangrijk.’ Verloskundige Marije Feenstra: ‘We pakken het in onze praktijk nu serieus op. We willen zwangere vrouwen niet onnodig ongerust maken, maar met een paar extra tips is misschien het aantal infecties terug te brengen.’

25


Marieke Vinckers

De Praatstok 26 26


‘Mem, ik fiel my eins ek net sa goed hear.’ Soest dochs fuort yn noed sitte by sa’n opmerking? Mar dat hoecht net. It famke hellet, tegearre

mei har mem, har broerke op by de Praatstok,

in bernecoachingpraktyk yn Reduzum. It suske wol ek graach dy Finske kota yn om ris in

spultsje te dwaan, om te boartsjen mei Donder (it hûntsje), of dy coole yndianepraatstok beet te hâlden!

27


Goed besjoen is it eins in apart tafreeltsje. Neist de grutte buorkerij fan Els Koopmans yn Reduzum stiet in lyts rûn houten húske, mei in soad romte deromhinne. Mear as in pear kabouters passe der net yn, tinkst dan. Mar dan swypt immen de doar iepen en komme twa aardich lange froulju nei bûten. ‘Hoi! Wolkom yn ús kota!’ Want sa hjit it houten húske. De drompel oer, en dan sjochst pas echt wat in smûk plakje at it is. Bankjes mei kleden fan rindierhûd en in soad kessens. Oan ’e houten wanden hingje praatstokken, moaie teksten, grutte foarken en op ’e planken lizze berneboeken. Yn ’e midden stiet in grutte rûne kachel. Noflik! It bern romte jaan Dy entree is direkt de iisbrekker foar elts bern (en ek: foar eltse heit en mem). As der dan ek noch in lyts hûntsje op dyn skurte sitten giet, fielst dy al hiel gau thús. Donder hjit er. Donder brekt it iis ek. Der hat wolris in famke west dat bûten noch rôp: ‘Us mem seit dat ik hjir hinne moat!’ Mar doe’t se binnen kaam, wie der direkt al in oare sfear. Dat is wat dit plak mei dy docht. Marijke Tichelaar: ‘Bern moatte wer fertrouwen krije yn harsels.’ De coaches freegje dan ek altyd: ‘Wat gong goed, wat koe better?’ Yn stee fan ‘Wat gong der mis?’ Tinke yn mooglikheden Bern komme hjir mei ferskate problemen. De iene hat faaleangst, de oare hat muoite

28

mei de skieding fan heit en mem. De coaches soargje boartsjendewei dat se wer yn harren krêft komme. Ien jonkje hie muoite mei opdrachten op skoalle. Hy seach altyd allinnich mar dy grutte, ûnnimbere berch foar him. Els joech him de opdracht om tsien stiennen fan de pleats nei de kota te dragen. Fierstente folle fansels. Doe’t it jonkje yn ’e gaten krige dat er it opdiele koe, kaam er dêrnei mei trije, fjouwer en wer trije stiennen oan sjouwen. Hy seach dat er sels de opdracht lytser meitsje koe en dus: mooglik. De pleats Alles wurdt troch de coaches brûkt om de bern har wer better fiele te litten: de romte om ’e pleats, de bisten, lykas de minyponny, de barchjes, de kij en yn ’e maitiid de kealtsjes. Els: ‘We litte bern dy ponny boarstelje of har meinimme nei in oar plak. Dan kinst sjen hoe’t sa’n bern der mei omgiet. In famke dat net sa goed wie yn grinzen stellen, sei tsjin it bist: “Ho”. Sa sacht, hast net te hearren. Dy ponny rûn troch fansels. Letter hie se it yn ’e gaten: ik moat mysels sterker opstelle! Dúdlik meitsje wat ik wol. Dan rint nimmen oer my hinne. Dat hynder net en de bern op skoalle ek net.’ De praatstok De praatstok sels makket ek ûnderdiel út fan ’e oanpak fan dizze coaches. It is in yndiaansk gebrûk: wannear’t immen wat sizze wol, dan kriget er dizze stok. It is in

moai houten ding mei allegear kleurige tierlantijntsjes deroan. Wannear’t it bern dy stok fêsthâldt, mei er prate. De oaren binne stil. Marijke: ‘It is de bêste manier om werklik te harkjen nei inoar. It bern makket dy stok sels oan it begjin fan de sessys en nimt him nei de tiid mei nei hûs. Ik ha in jonkje hân dat sei: “Dat we hjir sa prate hè? Dat dogge we no thús ek.” De sessys dy’t we hjir dogge mei bern wurkje thús troch. It hiele gesin fynt der baat by.’ COACHEE! spul De coaches meitsje tankber gebrûk fan it COACHEE! spul. Op elk kaartsje stiet in fraach, bygelyks: “Wat zou je doen als je een dag onzichtbaar was?” Of: “Je mag drie dingen veranderen waardoor je probleem minder wordt.” Oan it begjin fan ’e sessy mei it bern antwurd jaan op sa’n fraach. Dat jout de coaches de kâns om boartsjendewei ynsicht te krijen yn wat der spilet by it bern. Hoe’t er mei de dingen omgiet. Wêr’t mooglikheden lizze. Els: ‘Wy hawwe gjin oardiel hjir. We beneame altyd de kwaliteiten fan it bern en soargje derfoar dat se dat sels ynsjogge. It is moai om te witten datst moedich bist, sosjaal of orizjineel. Dat jout krêft.’ Yn it spul wurde edelstiennen as pion brûkt. Yn it bakje lizze allegear soarten: fan topaas en berchkristal oant amber ta. Marijke: ‘In jonkje fertelde dat it him no krêft jout as er dat stientsje eefkes oanrekket. Dan wit er: it is goed. Ik bin goed sa as ik bin.’ Oan ’e ein fan it trajekt wurde de grutte foarken fan de wand helle (Heu? Ah!), de kachel brânt, de marshmallows (of poffertsjes, of woarstjes!) komme te foarskyn en dat soarget grif foar in laits en in goed ôfskied. Donder blaft! Nije enerzjy! It bern kin wer fierder! Meer ynformaasje: www.depraatstok.nl


advertorial

DOCHT DYN SKOALLE AL MEI?

HÉ DO, KINSTO GOED SCRABBELJE? EN KINSTO WURDEN MEITSJE YN IT NEDERLÂNSK, INGELSK EN FRYSK?

Nij by Tsjek (fan Omrop Fryslân) is de Skoal Scrabble Battle. In superleuk spul wêrby’st trije wurden yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk lizze moatst. Jim skoalle krijt hjir punten foar en giest de striid oan mei alle oare skoallen yn Fryslân! Kensto in master of juf dy’t dit leuk fynt? Fertel dan oer de Skoal Scrabble Battle, jou jim skoalle op en doch mei. Wêrom trijetalich ûnderwiis sa goed is foar jim bern: Bettere taalbehearsking én in goede ynternasjonale oriïntaasje Meertaligheid zorgt voor een betere communicatieve ontwikkeling. Meer talen zijn ook goed voor de sociale en intellectuele ontwikkeling van een kind. Zo zijn kinderen die meertalig opgroeien, beter in staat om ingewikkelde denktaken op een andere manier op te lossen. Daardoor zijn ze creatiever in hun denken en handelen. Drietalige scholen werken aan een betere taalbeheersing van leerlingen én aan het verkrijgen van een internationale oriëntatie.

KOM OP TV!

Fansels komt Raynaud Ritsma mei it grutte Scrabble spul by jim

Wat hâldt trijetalich ûnderwiis krekt yn? Rom omtinken foar de Fryske, Nederlânske én Ingelske taal Op drietalige scholen wordt de Friese, de Nederlandse en de Engelse taal niet alleen als vak gegeven, maar ook als voertaal voor andere vakken gebruikt. Er zijn op drietalige scholen duidelijke afspraken over wanneer de kinderen (en leraren) Nederlands, Fries en Engels spreken. De ervaring leert dat kinderen het geweldig vinden om lessen in verschillende talen te volgen.

op skoalle én komme jim op tv. It kostet neat, is hiel learsum en superleuk! Opjaan kin fia: tsjek@omropfryslan.nl MEAR YNFO: WWW.HEITENMEM.NL

Is de skoalle fan jim bern al trijetalich? Mear as 70 trijetalige skoallen yn Fryslân Op Heitenmem.nl vind je een overzicht van drietalige scholen in Fryslân. Op dit moment zijn er al ruim 70 drietalige scholen voor basis- én voortgezet onderwijs! Als een school nog niet officieel drietalig is, kun je op school vragen naar het taalbeleid; zijn er afspraken gemaakt over het gebruik van meerdere talen? Misschien kunnen jullie als ouders samen met het team op school ervoor zorgen dat jullie school ook drietalig wordt!


stoeRe BoeKeN

FoAR JoNges ÉN FAMKes Wêr binne se, de bern dy’t altyd wer op syk binne nei aventoer, dy’t net benaud binne foar gefaar en dy’t wat beleve wolle? Hasto sa’n trochsetter thús? Spesjaal foar stoere famkes en jonges binne hjir de helden út de Fryske berneboeken.

In echte jonge/In echt famke

In stoere jonge kin fan alles wêze: in astronaut of in brânspuitman, in treinmasinist of in piraat. En in écht famke? Krekt, ek fan alles! In astronaute of in plysjefrou, in sjirurge of in prinsesse, mar yn elts gefal in echt famke!

Wat rydt dêr

In sikewein, in trekker, in plysjehely - al dy grutte masines meitsje yndruk op in bern. De teksten yn dit stevige kartonboek binne op rym.

3+ € 7,50

2+ € 10,50

Foarlêstip: As it boek út is, kinst der nochris op weromkomme. Wêr gong it boek no krekt oer? Wat foel har op? Freegje ek wat de bern fan it boek fine.

‘Degruffalo?Nochnoaitfanheard.’ ‘Degruffalo!Kenstodydannet?’ ‘Hyhatingefaarlikesnút,klauwen,skerpasinswurd, enferskuorrendekakenmeitoskenhielgrut.

De gruffalo

Mûs giet op stap yn it donkere bosk en komt in foks, in ûle, in slang en in gruffalo tsjin. Dy ha allegear wol sin oan in hapke mûs. Hoe sil er him dêr útrêde?

30

4+ € 12,95


Skattich

Knyntsje Tys hat skjin syn nocht. Omdat er sa lyts en plu Elkenien fynt knyntsje Tys skattich - en hy wól net skattich wêze! Hy keapet in sinnebril en in motor, en besiket stoer te rinnen en lilk te sjen. Mar helpt it allegear wol?

4+ € 12,50

Renske wol stoer wêze!

Renske is krekt ferhuze mar it slagget har mar net om freonen te meitsjen. Pake Marius jout rie. En wêrom mei Renske net yn Pake syn mysterieuze boek lêze?

In nije heit

Gerke fynt syn heit net leuk mear. Foar syn jierdei freget hy in nije heit. Dy komt der ek, mar oft dat no sa leuk is?

Lindbergh

€ 14,50

It grutte aventoer fan in fleanende mûs. In boek foar lytse piloaten en grutte dreamers, mei prachtige yllustraasjes.

Broem broem grutte trekker, kinne wy ek mei? Set de motor mar fêst oan der is wurk genôch, de hiele dei.

€ 12,50

Foarlêstip: Meitsje wille, doch in spultsje, brûk simpele rymkes, ferskes om de kommunikaasje mei bern te stimulearjen. Besjoch tegearre it boek en praat oer de plaatsjes.

10+

‘Incredibly beautiful and unusual picture book’

9+

5+ € 17,95

2+ € 14,99

It aldermoaiste trekkerboek

Giest in rûntsje mei op ’e trekker? Frysk, stevich kartonboek mei 16 flapkes en 5 lûden.

H. de Roos

DE SKIP PER

S FAN DE KAMELE

De skippers fan de Kameleon ON

It ferhaal fan de bekende twaling Hielke en Sietse, skippers fan de Kameleon út Terherne, is no as stripboek te krijen!

DICK MATEN A

Matena, nei Hielke en it boek fan Sietse wenje H. de Roos yn it Fryske bleaun is yn de doarp Lenten boat fan dêr’t mar achter harren . hûs. Mei help Op in dei fynt de twilling de fluchste fan de motor speedboat in net tsjin op fan in stikken âld opdrukker dy’t De schipp stykjen kin. Dat is e auto meitsj ers van de it begjin fan Kameleon folle mear in soad avento e se der in sterke fan H. de boeken mei eren. Roos fersky Hielke en nei-oarlochs nde foar it Sietse yn ke berneb earst de haadrol. Sa yn 1949. Nei oekesearje kear werpri fan Neder groeide de nte en hat it earste diel lân. Kameleon miljoenen minsken lêswill De schippers van út ta de meast folgen noch de Kamel e jûn. súksesfolle Dick Maten eon is wilens a (1943) is mear as hûnde ien fan de ferskate roman rt ferneamdste s lykas De avond Pietje Bell, en, Kees de striptekeners fan Neder Kruimeltje jongen en en Afke’s lân. Hy makke foar fyftich Kort Amerik Tiental. Maten jier stripfa stripbewurkin aans en fan kmanskip. a waard yn gen fan Kluitman-kla 2014 eare ssikers lykas mei de earetit el Wereld Erfgoeddrage r

TROCH T

Troch Dick

H. de Roo s

8+ € 8,95

ISBN / EAN

Kameleon

Schippers

Stripboek

PAPERBA

CK FRIES.indd

1

TROCH DICK MATENA

14-08-14

09:59

31


Bewust(er) leven

Femke Jaarsma

Hoe doe je dat?

Kringloopwinkels, kledingruilbeurzen, repair café’s, handwerken en zelf kleding maken op de naaimachine. Allemaal uitermate populair en soms zelfs hip. Net als je eigen moestuin beginnen, superfoods in je bakje yoghurt, biologische groente en fruit en veganistisch eten. En wat te denken van yoga, mediteren en mindfulness? Bewust leven. Het lijkt een trend, maar voor velen is het een heuse levensstijl. Wat beweegt mensen om duurzaam te leven? En hoe doe je dat dan in de praktijk? Marieke Jissink (32) uit Leeuwarden geeft aan dat ze bij alles wat zij en haar gezin consumeren heel bewust nadenkt. ‘Het belangrijkste is dat het past bij mijn overtuigingen. Ik vind het oneerlijk dat kinderen uitgebuit worden om goedkope kledingstukken te produceren. Dus koop ik die kleding niet. Wij kijken echt naar de duurzaamheid van een product. Vaak geldt: hoe kleiner de afstand tot het product, hoe duurzamer. Zo kopen wij rauwe melk, rechtstreeks van de boer. Dat is onbewerkt en gezonder. Daarnaast komt ons geld zonder tussenkomst terecht bij diegene die het product maakt. Dit zijn kleine bijdragen aan een, in mijn ogen, eerlijke wereld.’ Ze geeft aan dat bewust leven niet per definitie goedkoper is, maar ook niet duurder hoeft te zijn. ‘Biologisch eten kost vaak wat meer, maar tegelijkertijd kopen we weinig bewerkte producten zoals koekjes. Daardoor wordt het totaal aan boodschappen niet echt duurder.’ Marieke denkt dat mensen

32

bewuster gaan leven en andere keuzes maken omdat het op de ‘oude’ manier niet langer werkt. ‘Kijk naar het verschil tussen arm en rijk, de klimaatverandering en oorlogen om olie. Allemaal gevolgen van een niet-duurzame levensstijl, en het wordt steeds moeilijker om je ogen hiervoor te sluiten.’ Socialer en duurzamer leven Volgens verschillende filosofen en sociologen heeft de trend van bewuster leven te maken met de crisis. Mensen schijnen hierdoor weer te beseffen wat echt belangrijk is en zo ontstaat dan de behoefte aan een socialer en duurzamer leven. Ruilen is echter iets dat mensen al sinds jaar en dag doen. Ruilvereniging LETS-Leeuwarden is al in de jaren zeventig opgericht. Dirkje Brouwer (33) uit Leeuwarden is pr-lid van LETS en vertelt over de insteek van de vereniging. ‘LETS is in ideële organisaasje mei as haadgedachte dat minsken minder

prestearje moatte en mear ruilje. Wy wolle hjirmei elts syn talint fierder ûntwikkelje litte. Dêrneist is it in moaie manier om dysels yn te setten foar de maatskippij. It befoarderet sosjale relaasjes, want do witst ommers mei wa asto ruilest.’ LETS staat voor local exchange trade system en is eigenlijk een aanvullend economisch systeem. ‘Begin met één ding’ Bewust leven kan op verschillende manieren. Je kunt kiezen voor een gezondere leefstijl door alleen nog maar biologisch, vegetarisch of zelfs veganistisch te eten. Ook op spiritueel gebied kun je bewuster bezig zijn. Denk aan mindfulness, yoga en meditatie. Een andere trend is minimalisme: minder spullen is meer rust. Maar hoe maak je nou een goede start met een bewustere manier van leven? ‘Je begint met één ding en dat breidt zich langzaam uit’, aldus Marieke. Echtgenoot Tim geeft tips. ‘Kijk


naar wat bij je past en wat je leuk vindt. Ik vind brood bakken bijvoorbeeld best ontspannend. Het kneden van het deeg is bijna meditatief. En het is ook leuk om dit samen met onze dochter Minke te doen.’ Tim geeft nog wat voorbeelden. ‘Probeer de droger eens een week niet te gebruiken. Plant wat eetbare dingen in je tuin. Gebruik een regenton voor het bewateren van je tuin. Ga zelf composteren. Kies vaker voor de fiets en openbaar vervoer. Probeer te leven op een manier die zo weinig mogelijk impact heeft op de aarde. Het kan zomaar zijn dat je daar een beetje de sport van in gaat zien.’ In bytsje ferskil meitsje Ook Dirkje en haar gezin proberen zo bewust mogelijk te leven. ‘Ik keapje in soad biologyske produkten en wy ite net alle dagen fleis. Fierders tink ik der bygelyks om dat ik in miljeufreonlik waskmiddel brûk. Mei lytse dingen kinne je dochs in bytsje ferskil meitsje.’

Zo vertelt Dirkje enthousiast over de ‘free little library’ in haar voortuin, waarmee ze tweedehands boeken een tweede leven geeft. ‘Minsken bringe spontaan boeken en soms sjoch ik ien mei in glimk fan syn fyts ôf stappen. Dêr genietsje ik dan fan, want foar ús wie it in lytse muoite om it boekekastke te bouwen.’

Tips voor een bewuster leven: • Organiseer een kledingruil met vrienden. Ruilen kan ook met boeken, speelgoed en zelfs huizen. • Eentje erin, eentje eruit: koop je iets nieuws, dan gaat er iets anders uit. • Repareer of laat repareren: koop niet gelijk iets nieuws wanneer iets stuk is. Neem je kapotte spullen eens mee naar een repair café.

Reacties op de stelling op Facebook: ‘As bioboer ite wy sels ek foar in diel biologysk. Foaral it fleis, want we hawwe echt in hekel oan de bio-yndustry!’ [Pytsje Bokma-Westerdijk] ‘Schrikbarend wat er tegenwoordig allemaal aan ons eten wordt toegevoegd! Ik let daarom goed op de hoeveelheid suiker die zoon Fedde dagelijks binnenkrijgt.’ [Amarins Dijkstra]

Handige links Letsleeuwarden.nl Repaircafe.nl Swapit.nl Peerby.com Huizenruil.com Thuisafgehaald.nl Mywheels.nl Moedersminimalisme.nl

33


Nynke van der Zee

Ferdwale yn in wrâld fol ferhalen Mei harren fiven steane de skoalbern om de deftige stoel fan skriuwer Mindert Wijnstra hinne. Allegearre ha se in briefke yn ’e hân, dêr’t se mar al te graach in hantekening fan harren Skoalskriuwer op hawwe wolle. Mei in glim op it gesicht set Wijnstra op alle papierkes in persoanlik ferhaaltsje, mei dêrûnder syn sierlike kribel. As de jonkjes en famkes wer nei it lokaal drave, laket er efkes. ‘Ik bin benijd hoelang’t se dat briefke bewarje.’ 34


35


De Schoolschrijver De Schoolschrijver is al fiif jier aktyf yn Amsterdam. Dêr hawwe tweintich skoallen in eigen Skoalskriuwer. Njonken Fryslân begjint it inisjatyf dit jier ek op fiif basisskoallen yn Grinslân. Sa wurde mear as 7500 bern entûsjast makke foar it lêzen en skriuwen. www.deschoolschrijver.nl

Tegearre mei skriuwer Dolf Verroen is Mindert Wijnstra Skoalskriuwer op basisskoalle De Stapstien yn Kollumersweach. Fiif Fryske basisskoallen krigen begjin dit jier harren eigen Skoalskriuwer. Dat is in inisjatyf fan de organisaasje De Schoolschrijver, dy’t dêrby gearwurket mei de Biblioteekservice Fryslân. Doel is om bern entûsjast te meitsjen foar taal. De skriuwer komt elke wike op skoalle en giet op in boartlike wize mei de bern oan ’e slach. ‘Wy wolle dat de bern de smaak te pakken krije fan it lêzen en skriuwen’, leit Wijnstra út. ‘Dêrom lêze wy in hiel soad foar, mar wy prate ek mei de bern oer ferhalen en hoe’t dy yninoar stekke. Bern ha faak genôch ideeën, mar hoe krijst dy op papier?’

‘Bern moatte de smaak  te pakken krije fan  it lêzen en skriuwen.’ Fuort mei dat reade potlead It wurdt stil yn de klasse fan groep 5 as Wijnstra foarlêst út syn eigen boek oer prinses Annabella Salmonella. It ferhaal giet oer in famke dat it leafst allinnich mar ûndogenske dingen docht. De bern fine it prachtich en ûntdekke al gau dat it ferhaal op rym is. Yn dizze les stiet nammentlik it meitsjen fan in gedichtsje op it programma. ‘In gedicht hoecht hielendal net te rymjen’, fertelt de Skoalskriuwer. ‘It is in lyts ferhaaltsje, wêryn ast mei sa min mooglik wurden safolle mooglik fertelst.’ Om te oefenjen

36

begjint groep 5 mei wurdassosjaasje. It wurdsje ‘leafde’ leveret in grut ferskaat oan assosjaasjes op. Fan romantysk tútsjen oant seksen, wat foar folop gegniffel soarget. Mar dat mei bêst fan de Skoalskriuwer, want by dichtsjen is der ommers gjin goed of ferkeard. Gjin goed of ferkeard, dat is de belangrykste regel fan De Skoalskriuwer, leit Wijnstra út. ‘Doel is dat de bern nocht krije oan taal en boeken. Ek de net-lêzers wolle wy entûsjast meitsje foar it lêzen. Dêrneist geane de bern sels oan ’e slach mei it skriuwen fan in ferhaal, wêrby’t se net beheind wurde troch skoalske regels. Wy bekroadzje ús net om stavering of oare regels. It reade potlead bliuwt yn it laad. Alles is goed, kinst gjin flaters meitsje. Dat dogge wy just om de bern frij te meitsjen. Skriuw wat yn dy opkomt. Ferdwale yn in wrâld fol ferhalen is it moaiste dat der is.’ Bist nea te âld foar foarlêzen Groep 5 is yntusken sels oan ’e gong mei in gedicht oer in aktiviteit dy’t se alle dagen dogge. Op ’e nij in grutte risping oan ideeën. Fan nei de wc gean oant gamen op de iPad, alles komt foarby. Fia in handich systeem mei fraachantwurd-opdrachtsjes ûntstiet der al gau in lyts gedichtsje. Om bar meie de bern foar de klasse harren gedicht foarlêze. Glunderjend steane se as profesjonele skriuwers njonken de Skoalskriuwer, wylst se orearje oer it nei de wc gean. Wijnstra glimket by elk ferhaal, en jout de bern as dat nedich is in bemoedigjend skouderklopke. Hy is sichtber grutsk op al syn skriuwtalinten. Om ek de âlden fan de bern te motivearjen ta lêzen en skriuwen, organisearje

Verroen en Wijnstra in âlderjûn. ‘Doel is om heiten en memmen entûsjast te meitsjen foar it foarlêzen. Foarlêzen is in hiel yntym momint fan rêst op in dei. Op de bank hast mei dyn bern tegearre wille om itselde, mar ek fertriet om itselde. Heiten en memmen hâlde faak op mei foarlêzen as de bern sels lêze kinne, mar bern bliuwe it moai finen. Just omdatst ek boeken foarlêze kinst dy’t se sels kwa nivo noch net oankinne, leare se in hiel soad nije wurden. Us boadskip is dan ek: bist nea te âld foar foarlêzen. Dat merke wy as Skoalskriuwers as wy sels in stikje foarlêze yn groep 8. Der is gjinien dy’t ropt “Master wat is dit bernich”.’

‘Heiten en memmen hâlde faak op mei foarlêzen as bern sels lêze kinne, mar bist nea te âld foar foarlêzen.’ De húskeamer fan de Skoalskriuwer Yn de biblioteek fan de skoalle yn Kollumersweach is spesjaal in húskeamer makke foar de beide Skoalskriuwers. Twa deftige stuollen steane njonken in kacheltsje en in taffeltsje mei dêrop in âlde typmasine. ‘Wy ha hjir ús eigen plakje’, knikt Wijnstra. ‘Bern kinne hjir komme mei al harren fragen. Mar ek de âlden en dosinten kinne by ús terjochte. Wy wolle hjir aanst ek ferhalen en gedichten ophingje dy’t de bern sels makke hawwe. It is hjir no noch wat keal, mar dêr komt grif feroaring yn.’


Zoek je kinderopvang, een gastouder of peuterspeelzaal? Dan wil je natuurlijk het beste voor je kind! Meer dan 40 locaties en vele gastouders in Friesland en Groningen. T 0513-433933

www.facebook.com/timpaankindercentra

www.timpaankindercentra.nl

Op de website www.kunstkade.nl staan ruim 500 cursussen, workshops en andere creatieve activiteiten die u kunt doen in Leeuwarden. Voor elke leeftijd is er wel iets te vinden op het gebied van fotografie en media; beeldende kunst (schilderen, keramiek, beeldhouwen); mode en textiel; theater; dans; erfgoed en muziek. Advies en meer informatie: info@kunstkade.nl telefoon 058-2895365 of kom langs bij Kunstkade: Groot Schavernek 9-F, Leeuwarden. Elke werkdag open van 11.00-16.00 uur.

Kreawike op Schylge De hiele famylje is wolkom op ús kreative fakânsjewike foar bern en âlden. Skilderje, nifelje, jutte, gesellich meimekoar yn it spier. Jou dy no op!

26 - 31 juli 2015

De Folkshegeskoalle Schylgeralân

ER AT

HE

DT

UG

JE

Natuer, edukaasje en ferdivedaasje yn de Skylger bosk! www.folkshegeskoalle.nl

BIGGELS EN TUITEN 22 APRIL - FRJENTSJER (DE KOORNBEURS) 26 APRIL - LJOUWERT (DE HARMONIE)

WWW.GNAFFEL.NL WWW.TRYATER.NL


Marrit de Schiffart

Fan in hús nei in thús Hoe is it om pleechbern te hawwen? ‘Wy hawwe trije sûne en lokkige bern, mar der binne in soad bern op ’e wrâld dy’t gjin goed plakje hawwe. As wy sokke bern helpe kinne, dogge wy dat graach.’ De beweechreden fan Arjen en Maaike Joostema út Minnertsgea om pleechbern yn ’e hûs te nimmen is simpel. It resultaat? In drokke, gesellige en foaral leafdefolle húshâlding mei fiif fleurige bern.

‘Ikke op hynder’, grutsk goait Mandy (2) it nijs yn ’e groep. Se is noch hieltyd djip ûnder de yndruk fan har aktiviteit fan fan ’e moarn. Grutte kâns dat se har sussen Sanne en Jitske achterneigiet; dy sitte al op hynsteriden. Sanne en Jitske binne trouwens net har biologyske sussen, mar har pleechsussen. Mandy wennet noch mar in healjier by de Joostema’s. Mem Maaike: ‘Mandy kaam hjir yn desimber foar krisisopfang. Gelokkich ha wy in skoftke lyn te hearren krigen dat se bliuwe mei. Dêr binne wy bliid om, want wy hienen ús binnen in wike hechte oan dit bern.’ Tagelyk wit Maaike donders goed dat der ek in oare kant sit oan dat ‘goede’ nijs: Mandy har âlders binne der net bliid mei. ‘Sy wolle graach op har passe, der is gjin ûnwil, dat merkst oan alles, mar se kinne it gewoanwei net. As se hjir op besite komme besykje ik se dan

38

ek mei te jaan dat wy op Mandy passe, mar dat sy de âlders bliuwe.’

op tafel en elk doarde syn ûnsekerheid út te sprekken. Dat wie weardefol.’

Wy? Pleechâlder? Mei lytse Mandy derby bestiet it gesin Joostema no út sân persoanen: heit en mem, biologyske bern Hein (17), Sanne (14) en Jitske (10) en pleechbern Mayna (7) en Mandy (2). It beslút om foar pleechbern te gean wie der net samar. Arjen: ‘It gefoel dat der in protte bern yn Nederlân binne dy’t it net goed ha, spile altyd wol, mar om echt de stap te nimmen om dêr wat oan te dwaan, is in twadde. It idee waard konkreet doe’t ik yn myn wurk as timmerman in putsje hie by in pleechgesin.’ It gefolch wie in ynformaasjejûn oer pleechbern en in STAP-kursus. ‘Foaral dy kursus hat ús oertsjûge’, fertelt Maaike. ‘Wy hienen in leuke groep, alle foar- en neidielen kamen

Fotoboek Goed fiif jier lyn wie it safier: Mayna kaam. Earst in wykeintsje om te wennen en twa wiken letter definityf. Jitske wit it noch goed: ‘Ik hie der sa’n sin oan, alle dagen seach ik yn it ledikantsje oft se der al wie.’ Mayna – dy’t doe 2 jier wie – wit der neat mear fan, mar: ‘ik ha wol foto’s’. Se pakt it fotoboek út ’e kast en begjint te fertellen. ‘Sjoch, ik hie doe in hiele soad krultsjes!’ Maaike: ‘Wy hawwe fan begjin ôf oan in fotoboek byhâlden. Belangryk, want Mayna hat gjin foto’s fan de tiid dêrfoar. Se kaam út in krisisopfang en har âlders wienen net yn byld. Letter kamen wy derachter dat ien fan de gesinnen dy’t mei ús de STAP-kursus folge, in broer fan Mayna


opfangt. Dy sjocht se no regelmjittich.’ It earste jier mei Mayna wie net maklik. Se wie geastlik en lichaamlik ferwaarleaze en hie in hechtingsprobleem, fertelt Maaike. ‘Se wie faak lilk en op sokke mominten wie der amper kontakt mei har te krijen. It wie suver in ferwyldere bern. Wy koenen ús net yntinke wat se yn har rêchsek meitôge, wisten neat fan har foarskiednis en hienen dus gjin idee hoe’t wy dêrmei omgean moasten. Gelokkich hawwe wy in geweldige begeliedster fan Pleegzorg Nederland. Dy hat ús doe echt goed holpen en docht dat no noch. Se komt regelmjittich op besite en wy maile in soad. Nei in jier gong it better mei Mayna, seachst har sosjaal-emosjoneel foarútgean.Yn it begjin wist se net wat emoasjes wienen. Dat ha wy har leard mei smileys. Gûle koe se net en dus utere se it yn lilkens. No komt se fan bêd ôf en krûpt ús oan.’ Op skoalle rint Mayna noch wolris tsjin fragen oan fan oare bern, mar se kin hiel goed ferklearje wêrom’t sy twa pear âlders hat: ‘Der binne memmen dy’t net fan harren mem leard ha om mem te wêzen. Myn mem is sa’nien.’

‘Der binne memmen dy’t net fan harren mem leard ha om mem te wêzen.’ Hûs yn pear oeren ‘peuterproof’ Mei Mandy gong it oars. Sy moast fanwege ferwaarleazing akút opfongen wurde. Arjen: ‘Se bellen ús om fiif oere middeis en om acht oere jûns wie se hjir. It hûs moast yn in pear oeren “peuterproof” makke wurde, ynklusyf loophek, ledikantsje, flessen, kleantsjes en pampers. Wy bellen freonen en famylje om help, mar it liek wol as wie it hiele doarp yn it spier. Elk kaam mei wat oansetten.’ Ek Sanne wit it noch goed: ‘Mandy wie oardel jier doe’t se hjir kaam, se koe net ite of rinne. Se hupste op knibbels troch de keamer, dat wie har manier fan bewegen.Undertusken rint en yt se, mar se is noch hieltyd ôfhinklik fan heit en mem, it is krekt of is se benaud dat dy fuortgean sille.’ Mandy hat ek âldste soan Hein yn har hert sluten. Arjen: ‘Se sliept by him

op ’e keamer, dat skept in bân. Dy twa binne echt gek op elkoar.’ Regel yn ’e hûs is dat alle bern meihelpe. Dat moat ek, want Maaike wurket parttime op in basisskoalle. As sy foar de klasse stiet, past beppe Saakje op de bern. ‘Dat fynt dy gelokkich prachtich, oars hienen wy dit ek net dwaan kinnen. Likegoed is fleksibiliteit it koadewurd yn dizze húshâlding’, laket Maaike. ‘De dagen rinne faak oars as pland. Mar it pleechâlder wêzen bringt ús ek in soad; wat is it moai as in bern dat earst as in bang fûgeltsje by dy op skurte siet in earm om dy hinne slacht!’ Der sil yn de takomst fêst noch wolris wat op harren paad komme, mar foar no giet it goed mei ‘de beide lytskes’. Mayna docht it prima yn groep 4 en sit op fuotbal en gymnastyk. En Mandy? Dy hoecht mei har twa jier noch net nei skoalle en hat ek noch gjin hobbys. Al sil dat lêste fêst net lang mear duorje. Te sjen oan de manier wêrop’t se mei in stôk troch de keamer hynderet, sil it wol útdraaie op hynsteriden…

39


hoeSTen & RoKen

Tjalling de Vries (1959) is sinds 1991 algemeen kinderarts in het Medisch Centrum Leeuwarden. Hij is getrouwd en vader van drie kinderen: Fedde (1991), Marga (1995) en Anne (1998).

40

Tegenover me zit Jay. Hij is 5 jaar oud en hoest al tijden. Vooral ’s avonds, als hij in bed ligt, hoest hij. ‘Zelfs de buren horen het’, vertelt zijn moeder. Jay vertelt niets, hij bekijkt het speelgoed en al snel ligt de vloer van de spreekkamer ermee bezaaid. Hij vermaakt zich prima. Moeder vervolgt: ‘Ook de juf heeft erover geklaagd. Zij vindt dat Jay heel veel hoest.’ Andere kinderen in de klas hoesten niet. Jay is niet ziek, heeft geen koorts en is niet benauwd. Zijn amandelen zijn eruit en hij heeft buisjes. Puffers met medicijnen tegen astma hebben niet geholpen. Bloedonderzoek door de huisarts leverde geen afwijkingen op. In mijn hoofd heb ik een rijtje van oorzaken van hoest en de meeste kan ik al schrappen door vragen te stellen. ‘Wordt er thuis gerookt?’, vraag ik. Bij het binnenkomen rook ik tabakslucht. Moeder vertelt dat zij en haar partner elke dag minstens een pakje roken, vooral in de schuur. Als de kinderen in bed liggen, roken ze in de kamer. Roken in huis is een van de belangrijkste oorzaken van luchtwegklachten. Kinderen die in een huis wonen waar gerookt wordt, krijgen vaker last van hoesten maar ook van astma en ze hebben meer ooren keelklachten. Omdat ze leren dat roken normaal is, gaan ze later ook vaker zelf roken dan kinderen die in een rookvrije omgeving opgroeien. Ik onderzoek Jay en vind gelukkig geen aanwijzingen voor een ziekte. Het roken is waarschijnlijk de oorzaak en dat leg ik moeder uit. De rookdeeltjes komen in de luchtwegen terecht en prikkelen het slijmvlies. Daarvan gaat Jay hoesten. De enige manier om erachter te komen of mijn gedachte klopt, is om een tijdje niet in huis te roken. Het is zomer, dus het moet lukken om alleen buiten te roken. Dan is het ook verstandig bij het roken een jas of cape aan te doen omdat de rookdeeltjes anders in de kleren gaan zitten en toch kunnen irriteren. Moeder vindt het maar gek, ze rookt al zo lang en ze kent zoveel moeders die roken. Ik vraag haar wat maakt dat ze rookt en wat er lekker aan is. ‘Tja, eigenlijk is er niets aan,’ zegt ze, ‘het stinkt en het kost handenvol geld.’ ‘Maar’, vraag ik, ‘wat is er nu lekker aan?’ Dat weet ze eigenlijk niet. Ze zegt toe een maand niet in huis te roken. Na een maand komt Jay weer. Hij ziet er goed uit en vertelt trots dat hij niet meer hoest. Moeder beaamt dat. Zij en haar partner roken nu buiten en het is binnen frisser. ‘Misschien’, zegt ze, ‘moeten we stoppen met roken.’ Dat lijkt mij een goed plan.


Apps GameFRYsk

hanTsjes Yn ’e hichTe, FRiese kinDeRlieDjes Sykje it plaatsje op yn de trije sykplaten. Fûn? Sjoch nei it filmke mei in lietsje en doch mei! De Fryske lietsjes, fiif nije en tsien tradisjonele, wurde songen troch Janneke Brakels mei begelieding op piano troch Cor Bakker. It iene lietsje is geskikt foar de alderlytsten, it oare foar de beukers en guon foar de leeftiid dêrtuskenyn. Foar: iPad en Android Priis: fergees

‘Jee, alwer goed’, ropt Jelma út groep 7. Sy test mei har mem en har broer Seger de app GameFrysk. ‘Kensto ek in Frysk wurd mei in f?’, freget sy Seger, dy’t al nei it VMBO giet. Se spylje mei har trijen Wurdslang en dogge har bêst om hiele lange wurden te betinken. Want lange wurden smite in protte punten op. En mei punten kinst de slang rinne litte en winne! Krijst mei it delladen fan de GameFrysk app fiif spultsjes. By Astronautegalchje moatst letters fan in wurd riede. Slagget it net op ’e tiid, dan falst fan de planeet ôf. Mar der binne mear spultsjes, allegear mei it doel om jim ek ris mei it Frysk boartsje te litten. » Wolle jim it ek ris besykje? Kinst de app gratis en fergees dellade út de Appstore of Playstore. www.gamefrysk.nl

boaRTsje mei Tomke Sjoch nei de film of lês it ferhaal foar. De app bestiet út seis Tomkeferhalen, mei moaie grutte yllustraasjes by hieltyd koarte stikjes tekst. Oan ’e ein fan it ferhaal kinst in puzel dwaan. Kinst der ek foar kieze om it spultsje ‘Sykje it plaatsje’ te dwaan. Foar: iPad en Android Priis: fergees

41


Nynke van der Zee

Wat te dwaan as de stoom dy Ăşt de earen komt?

Boas de Baas 42


Smite mei boartersguod, skoppe tsjin de doarren of raze en skelle. Elk bern is wolris lilk. Net in bytsje lilk, mar echt hiel boas. En it heart miskien nuver, mar dat is mar goed ek, seit famyljeterapeute Reinette Montsma. Sy wurket by Kinnik fan GGZ Fryslân en kriget elke dei heiten en memmen yn har sprekkeamer mei de fraach: hoe kinne wy omgean mei de lilkens fan ús bern?

Boas wêze is in hiele belangrike emoasje, fertelt Reinette. ‘Je kunt niet zonder boosheid. Het helpt een kind zijn grenzen te verdedigen en zorgt er tegelijkertijd voor dat het kind de afstand met anderen in zijn omgeving kan reguleren. Wanneer iemand heel boos kijkt, kom je automatisch niet te dicht in zijn buurt. Boosheid is een hele pure emotie, die iedereen meteen herkent.’ Ris efkes goed lilk wêze mei dus wol, sterker noch: wy kinne dêr net sûnder. Mar tagelyk lûke omstanners de wynbrauwen op asto mei in stampfuotsjende, skellende dwerse pjut yn de winkel stiest. Reinette herkent de situaasje. ‘In iedere cultuur leer je hoe je moet omgaan met je emoties. Boos zijn mag, maar in onze cultuur zijn we iets gematigder. Dus valt het extra op wanneer een kind zijn boosheid in z’n pure vorm uit. Daarom is het voor ouders belangrijk dat je laat zien hoe je jouw boze gevoel kunt uiten. Doe voor hoe je kunt omgaan met de krachten die bij boosheid vrijkomen. En praat er open en eerlijk over.’

‘Boos zijn mag, maar in onze cultuur zijn we iets gematigder.’ It boaze meunsterke yn dyn holle Om it ûnderwerp boas wêzen besprekber te meitsjen, skreau Reinette it boek Rambam Ramla… de boze bui. It ferhaal fertelt oer it jonkje Leon, dy’t sa no en dan besite kriget fan it meunsterke Rambam Ramla. Dat lilke meunsterke giet yn syn holle sitten en nimt de kontrôle oer. Mei it boek lit Reinette sjen hoe’t lilkens wurket, sûnder dat it bern de skuld kriget. ‘Externaliseren noemen we deze methode’, leit se út. ‘Je koppelt de boosheid los van het kind. De boze bui wordt een apart persoon, door er in dit geval een monstertje van te maken. Vervolgens kun je samen met je kind een deal sluiten hoe jullie dit monstertje gaan aanpakken. Ouders en kinderen hebben zelf vaak hele goede ideeën hoe dat te doen.’ Om lilkens by dyn bern te begripen, moatst earst witte wêr‘t dy boaze bui

wei komt. ‘Boosheid is heel vaak een taal of een signaal waarmee het kind je iets duidelijk wil maken’, fertelt Reinette. ‘Dat kan bijvoorbeeld zijn dat een kind al heel lang op zijn tenen loopt. Maar ook angst of slaapgebrek kunnen boosheid opwekken. Sommige kinderen kunnen de wereld niet overzien, waardoor ze de omgeving als zeer bedreigend ervaren. En je hebt natuurlijk ook hele temperamentvolle of drukke kinderen. Bij drukke kinderen zie je heel vaak dat ze de hele dag gecorrigeerd worden. Niet doen, afblijven, wees eens stil. En dat een dag lang. Zeg nou zelf, zouden wij dat als volwassenen pikken?’

‘Boosheid is heel vaak  een signaal waarmee  het kind je iets duidelijk wil maken.’ Trije tips by in boaze bui De belangrykste fraach bliuwt fansels: hoe geane jim as heit en mem om mei it boas wêzen fan jim bern? Reinette jout

43


trije tips. Mei stip op ien stiet: in bytsje ôfstân nimme fan dyn bern. ‘Dat klinkt heel simpel, maar is het absoluut niet’, laket Reinette. ‘Veel ouders pakken het kind bij de arm en sturen het naar z’n kamer om daar af te koelen, maar vaak gebeurt het tegenovergestelde. Het kind voelt zich afgewezen en wordt nog bozer. Vandaar de belangrijkste tip: neem wat afstand van het kind, maar zeg dat het niet weg hoeft. Laat het in je buurt tot rust komen.’ It útpraten fan in rûzje is belangryk, mar net fuortendaliks nei de boaze bui, warskôget Reinette. ‘Een goed gesprek meteen na de boze bui werkt niet, omdat de ouders en het kind dan nog te emotioneel geladen zijn. Het helpt om er ’s avonds of de volgende dag op terug te komen.’ En ta beslút de tip foar heiten en memmen om inoar te coachen. ‘Ouders moeten elkaar zoveel mogelijk ondersteunen. Wanneer je ziet dat je partner het even heel moeilijk heeft en zelf ook boos dreigt te worden, kun je het overnemen van elkaar. Help elkaar, want omgaan met boosheid kost ontzettend veel energie.’

‘Een glimlach is het mooiste cadeautje dat  je je kind kunt geven.’ In glimke is it moaiste kadootsje En de bêste ôfsluting fan in boaze bui? Hiel simpel: meitsje it wer goed troch efkes te krûpen en te sizzen datst fan dyn bern hâldst. ‘Ouders kunnen best de eerste stap zetten. Kinderen met boze buien kunnen heel onzeker worden, ze vinden het net als ieder kind heerlijk om regelmatig een glimlach van hun ouders te krijgen. Dat is iedere dag weer een cadeautje dat je je kind geeft.’

44


mYn koeseR

Hasto ek in moaie foto fan dyn bern? Sjoch op heitenmem.nl en upload dyn foto!

2

3

1

5

6

8 Foto 1 Dit is Jurjen Posthumus (6) út Berltsum mei syn skiepke. Hy hat it skiepke al fan syn berte ôf. Hy wol der noch gjin ôfskied fan nimme. Foto 2 De sinteklaasstress wie Just Hiemstra (hast 4) út Ljouwert tefolle. In powernap mei Bear docht dan wûnders. Foto 3 Dit is Margryt (6) út Boarnsweach mei har Tjonkie. Tjonkie hat se krigen by har berte yn sikehûs de Tjongerskâns. Se is mâl mei Tjonkie, hy giet hast oeral mei hinne, sa as op fakânsje ôfrûne simmer. Fansels giet Tjonkie ek mei op bêd en hy giet ek noch elke dei mei nei skoalle ta, mar om't Margryt no yn groep 3 sit, moat er dêr de dei yn de tassebak trochbringe.

4

7

9

Foto 4 Tirza Pultrum út Easterwâlde is hielendal mâl mei har "Bijn". Se wit dat se mear as ien hat, yn ferbân mei it útwaskjen, dat sa no en dan krije se allegearre in dikke krûp! Foto 5 Brecht Speerstra út Winsum mei har favorite koeskninemyn. Foto 6 Dit is Timo Beintema (2) út Burgum mei syn koeser Mei. Timo kin net sûnder syn Mei koese. It bysûndere is dat de hûn al sa’n 30 jier âld is, want hy hat noch fan syn mem west. Foto 7 Waar is Melissa Faber uit Ferwert gebleven?

10

Foto 8 Benthe Groendijk (4) út Stiens hat in bêdlampke op har jierdei krigen. Se wie der dúdlik bliid mei, want dy wike fûnen wy har sa op bêd. Foto 9 Dit is ús Isabelle Wielstra fan seis moanne âld út Dokkum. Se koest it leafst mei har tutteldoekje, makke troch beppe Henny Visser. Foto 10 Niels Bouwhuis (3) uit Vegelinsoord ligt hier heerlijk tussen zijn knuffels. Maar één is op de een of andere manier nooit genoeg, dus hij slaapt met Japke het schaap, een aap, leeuw en beer en een enorm schaap!

45


Korneliadei! Foarlêsferhaaltsje troch Riemkje Pitstra

Op www.tomke.nl is alle moannen in nij Tomke aventoer te lêzen!

www.boefkes.nl Kinderkleding voor jongens en meisjes van 86/92 t/m 158/164 Topitm - Kidzart - Dutchdreamdenim Zebra - Le Big - Bampidano Quapi kidswear - Relaunch Kom gerust eens langs in onze showroom!

Naamloos-1 1

30-3-2015 22:50:38

Workshop Kindermassage

voor vrolijke kleintjes Kapje

en

led Boxk

s

Wipsto

Dekentje s Aankleedkussenhoes

‘Snein is it memmedei’, seit Tomke. ‘Ik ha noch gjin kadootsjes foar Kornelia.’ Romke komt út syn koer. ‘Kom mar mei’, seit er. ‘Yn ’e winkels binne in hiele boel kadootsjes.’ ‘Kornelia is gek op gebakjes’, seit Tomke. Se stappe de bakkerswinkel yn. ‘Ien gebakje foar Kornelia’, seit Tomke. De frou docht it gebakje yn in pûdsje mei in strikje. ‘Dat is dan twa euro’, seit se. ‘Myn sintsjes binne op’, seit er ferlegen. ‘Is it foar memmedei?’, freget de frou. Tomke knikt. ‘Nim it gebakje mar mei’, seit se. ‘De oare kear wol betelje, hear.’ ‘Wy kinne ek wol nei de slachter’, seit Romke. ‘Kornelia fynt droege woarst sa lekker.’ De slachter docht in droege woarst yn in pûdsje. ‘Foar Kornelia’, laket er. ‘Omdat it snein memmedei is.’ ‘No ha wy al twa kadootsjes’, seit Romke. By de blommewinkel bliuwe se wer stean. Tomke wiist nei de reade roazen. ‘Wolst in roas keapje?’, freget de ferkeapster. ‘Hy hat gjin euro’s’, seit Romke. ‘Meie wy in roas ha foar Kornelia?’ ‘Jim binne lytse skoaiers’, laket it famke. Se docht in roas yn in moai papierke. Der komme kleurde strikjes oan. Tomke en Romke rinne nei hûs. ‘Wat rûkt dat gebakje lekker’, seit Tomke. ‘Wat rûkt dy droege woarst lekker’, seit Romke. Tomke nimt in hapke fan it gebakje. Romke nimt in hap fan de woarst. Hap, hap, hap! Op is it gebakje. Op is de droege woarst. Dêr is Kornelia. Se sjocht nei de roas. ‘Wat in prachtich kadootsje’, seit se bliid. ‘Wy ha noch twa kadootsjes foar dy’, seit Romke. ‘Mar dy sitte by ús yn ’e búk!’

elhoe

zen

Marije Bosma Lactatiekundige IBCLC Burgum

Ervaren-Ontspannen-Verbinden meer info op de website

Luieretu

is

www.maxivrolijk.nl

www.sensekids.nl

Alles om borstvoeding geven te ondersteunen!

Trots op je gezin? Plak de stickers op je auto met

www.familiestickers.nl 46

Kijk op onze site voor nog veel meer stickers


pake sYn pop namme:

Pieter Dijkstra (68) en Lennart (3)

wenplak: De Jouwer hobbys:

sile mei de seeskou, nifelje,

fytse en kuierje Relaasje: 45 jier troud mei Durkje

‘Wy sjogge graach nei dy foto’, seit Dijkstra en hy wiist nei it famyljeportret boppe de itenstafel, mei him en syn frou tusken alle bern en bernsbern. ‘Earst krigen wy fjouwer famkes as pake- en beppesizzer, en de lêste wie in jonge; in stik bûter yn de brij. Lennart is berne op 24 maaie, presys op myn jierdei en dat makket it fansels noch in bytsje spesjaler. Us dochter Aukje lei foar de befalling yn it sikehûs en wy sliepten thús by de beide famkes Marrit en Fardau. Midden yn de nacht belle Aukje ús op mei it moaie nijs. De famkes hawwe we sliepe litten, mar de oare deis binne wy moarns betiid fuort nei ’t sikehûs ôfsetten. Mei syn allen, ynklusyf de oare pake en beppe, hawwe we in bak mei blauwe mûskes iten. Lennart is in prachtich moai mantsje; gefoelich en altyd like bliid. It is in échte jonge, sljocht op auto’s, trekkers, mar foaral op treinen. As hy by ús komt, sette wy alfêst de tafel en stuoltsjes klear en de doaze mei de houten treinspoaren. Yn ’e doar ropt er al ‘boartsje pake?’ en dan sitte wy samar in hiele moarn op knibbels by it treinspoar. Lennart wol graach de rezjy hâlde. ‘Do bist de blauwe trein en ik de reade’, seit er dan. Lêsten soe beppe ek meidwaan, mar it waard allegear in bytsje fol tusken de rails. Mei in ‘beppe kin moai iten foar de masinisten meitsje’ dirigearde hy beppe nei it oanrjocht. En doe’t er fan ’e wike foel en de knibbel stikken hie, sei hy fertrietlik dat er ‘in bytsje ûntspoard wie’. Ik bin sûnt 2007 mei de VUT en it is hearlik dat wy no alle tiid meitsje kinne foar de bernsbern. As sy komme, dan binne wy der foar harren. Wy soargje dat alles oan kant is. It wurk komt letter wol wer. Net dat wy fêste oppastiden hawwe, mar wy sjogge Lennart en de oare bernsbern geregeld; dochs faak wol ienris yn ’e wike, oars wurdt it wat ûnwennich. ’

Bisto pake of beppe en wolsto ek meidwaan oan dizze rubryk? Stjoer dan in foto fan dysels mei dyn pake- of beppesizzer nei: ynfo@heitenmem.nl.

47


Der leit in krokodil ûnder myn bêd Printeboek fan ’t jier 2015!

Foar alle jongens en famkes dy’t jûns net op bêd doare.

Krokodil Karel hat it te bûnt makke. Hy wurdt fuortstjoerd troch syn freontsjes. Híél fier fuort, oant ûnder it bêd fan Lyske. Mar Lyske is net bang!

Heit & Mem 2015 nr.1  

heit en mem magazine

Read more
Read more
Similar to
Popular now
Just for you