Heit en Mem 1 - 2014

Page 41

ek foar bern!

Kunstkoters en kinderkunstclub Op alle earste sneinen fan de moanne binne der berne-aktiviteiten yn it Atelier fan it Fries Museum. Dosinte Jikke van der Zee nimt de jonges en famkes mei it museum yn. Mei syn allen besjogge se in net alledeisk foarwerp dat in protte fragen opropt. Werom yn it atelier gean de bern dêr ûnder lieding fan dosinte Jikke mei oan ’e slach. Jikke befreget de bern oer wat se sjoen hawwe, set de bern oan ’t neitinken en besiket de fantasije op stoom te bringen foar wat dêrnei komt: it meitsjen fan in eigen ‘museumstik’ nei oanlieding fan wat dêr stie te pronkjen yn de museumseal. Dizze kear stiet de stok mei runetekens sintraal. Ienris werom yn it Atelier pakt Jikke de keunstboeken derby; Matisse, Picasso, der leit in hiele steapel. Troch fragen te stellen lykas: ‘Wat sjochst?’

en ‘Lykje dizze tekens ek op dy oare?’ en ‘Wat fynst fan de kleuren? wurde bern oantrune om noch better te sjen en te fergelykjen. Fragen’. Sa sjogge bern ynienen folle mear! De bern begjinne har eigen runetekens mei wasko te tekenjen. ‘It kin net ferkeard gean’, motivearret Jikke van der Zee entûsjast. ‘Meitsje mar in bibberjende lijn, in golvjende lijn … en wa wit noch mear?’ ‘In ferlyfde lijn’, ropt Femke. ‘Of een gloeiende lijn’, ropt Sebastiaan. En passant wurdt der in minyworkshop jûn oer it mingen fan kleur en dêrnei kinne de bern as skilders oan ’e slach mei kwaste en ferve, elk mei in eigen palet. Nei in oere giet de grutte glêzen doar fan ’t Atelier wer iepen en komme de kunstkoters en kinderkunstkluppers werom. Grutsk, mei in holle fol ynformaasje en in skilderij yn ’e hân.

Kunstkoters voor kinderen van 3-5 jaar 15.00 - 15.45 € 5,- + entree volwassene Kinderkunstclub voor kinderen van 9-12 jaar 13.30 - 14.30 € 7,50 Data de eerste zondag van de maand

41


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.