Heit en Mem 1 - 2014

Page 1

gratis en fergees me i y m ni m

Diabetes Hoe is dat, as jim bern diabetes hat?

Heechsensityf Lieke hat antennes dy’t net elkenien hat

nr. 01 - 2014

Een gezond ontbijt‌

zine n e b is d e l ijf! e j r voo



In mem hâldt it hantsje fan har bern in skoftsje fêst, mar har hert foar ivich.

33


ke v a n Dieuw

eer der M

Aukje Mulder skriuwt yn dit nûmer oer bern dy’t moarns gjin iten krije. Sneu fyn ik dat. Mar dêrneist begryp ik it ek net, want it moarnsiten is dochs it leukste ytmomint fan de dei! Ik fyn it geweldich om eltse kear wer wat nijs te betinken. En dochter Maaike (1,5) fynt it allegear like lekker! Wy ite moarns faak potstro mei dadelsjerp, rizenbrij, teff, potstropankoekjes of pankoekjes fan aai en banaan. Mar ek griene smoothies, músly en hjouwermout komme regelmjittich op tafel. Hasto wat ynspiraasje nedich? Sjoch op www.heitenmem.nl foar tweintich sûne, simpele en lekkere resepten foar it moarnsiten foar bern. Ik soe sizze: lekker ite!

Er n s

Ci s k a

m Noord

ans

Kultueredukaasje is belangryk foar de persoanlike ûntwikkeling en kreativiteit. Dat jildt net allinne foar folwoeksenen mar likegoed foar bern. Dêrom stimulearret de ryksoerheid dat minsken sa folle mooglik mei kultuer yn kontakt komme. Mei soan Netithon (9) bin ik op in snein nei ‘ús’ museum tein en we hawwe dêr in bêste slok kultuer ynnommen. Ferlieding is ek dêr it grutte toverwurd. Doe’t ik útsjoen wie, hie hy noch lang syn nocht net. Mear lêze oer de Kunstkoters en de Kinderkunstclub? Sjoch op side 40.

n sm a t Br u i

C a r ol i

Yn de Top 3 fan myn ergernissen stiet dat minsken oeral en altyd mar ‘do’-kje. Yn winkels, by bedriuwen, op skoallen. Ik fyn it wurd ‘jo’ moai en beleefd. It befestiget in ôfstân dy’t der ynearsten is en lytser wurde kin: ‘jo’ wurdt dan ‘do’. ‘Jo’ hoege myn bern net tsjin my te sizzen. Wol lear ik beide dochters om âldere minsken mei ‘jo’ oan te sprekken. Mear lêze oer hoe’t wy mei inoar omgean? Sjoch op side 8.

en

uur t e r Sc h

-Hoek

st r a

Mear oandacht foar jonges! Wat blykt út ûndersyk: jonges lêze minder as famkes en fine lêzen minder leuk. Belangrike gegevens, want lêzen is belangryk foar de taalûntwikkeling. Yn it artikel ‘‘Nee, ik wil niet lezen, ik wil op de computer!” jouwe we tips oer boeken foar jonges. Want we moatte dochs sjen dat se mear nocht oan lêzen krije?!

Kolofon Korreksje: Ytsje Steen-Buwalda info@sekuer.nl Redaksje Carolien ter Schuur Ciska Noordmans Dieuwke van der Meer Aukje Mulder Haadredakteur: Ernst Bruinsma Meiwurkers: Femke Jaarsma Aukje Mulder Nynke Stallinga Marieke Vinckers Tjalling de Vries Baukje Wytsma Nynke van der Zee

4

Redaksje-adres /útjouwer: Afûk Postbus 53 8900 AB Ljouwert www.afuk.nl e-mail: ynfo@afuk.nl / ynfo@heitenmem.nl tel.: 058 - 234 30 70 Printwurk: Senefelder Misset, Doetinchem www.senefelder.nl info@senefelder.nl tel.: 0314 - 35 55 00 Yllustraasjes: Nina Peckelsen (side 34)

Foarmjouwer: BW H ontwerpers www.bwhontwerpers.nl info@bwhontwerpers.nl tel.: 058 - 213 35 43

Distribúsje: Heit en Mem wurdt fergees ferspraat yn in oplage fan 35.000 eksimplaren. Der wurdt wurke neffens in redaksjestatút dat boarch stiet foar de ûnofhinklikheid fan de redaksje.

Fotografy: Het Hoge Noorden www.hogenoorden.nl info@hogenoorden.nl tel.: 058 - 216 79 66

Dizze Heit en Mem is it earste nûmer dat yn 2014 ferskynt fan dizze rige. Heit en Mem is in meartalich tydskrift en spesifyk rjochte op âlders mei bern yn Fryslân. Heit en Mem is fergees te krijen by boekhannels, bibleteken, gemeentehuzen en yn oare iepenbiere romten. Sjoch foar de ferspriedingslist op www.heitenmem.nl.

Fotografy Lydia www.fotografielydia.nl info@fotografielydia.nl tel.: 06 - 25 13 58 98

Abonnemint Mei in abonnemint op it blêd Heit en Mem wurde jo foar € 10,trije nûmers tastjoerd. Sjoch op www.heitenmem.nl foar mear ynformaasje. ISSN: 1878-4437 Heit en Mem kinst ek folgje fia: Utjûn mei stipe fan de provinsje Fryslân.


Ynhâld nr. 01 18

Een gezond ontbijt

40

Fries Museum ek foar bern

36

Technasium

03 Spreuktegel

28 Stoere boeken foar bern

04 Kolofon

29

Boeken foar Heit & Mem

06

Heit & Mem Post

30

Diabetes

08

De keunst fan it opfieden

33

Kollum Tjalling de Vries

11 Swier & Swiet

34

Hoogsensitiviteit

12 Selektyf mutisme

36 Technasium

14 Bern

40 Fries Museum ek foar bern

16

De angsttandarts

42

Jongens willen niet lezen

18 Een gezond ontbijt

43

Meertaligheid

23

Bernepraatsjes

44

De draachdoek

24

Yn ferwachting

46 Tsiis

26 Utknipgedicht 27

47

Pake syn pop

Lekker lĂŞze

5


heit & mem post Wolsto wat oan ús kwyt? In bysûnder ferhaal, in moaie foto, in goeie tip of gewoan dyn miening ergens oer? Mail it ús of stjoer it op! ynfo@heitenmem.nl Heit & Mem Postbus 53 8900 AB Ljouwert. Of sykje ús op fia Facebook of Twitter.

In bysûndere kryst “It is 1 jannewaris 2013 at myn man en ik by ús jongste soan en syn freondin binne foar in nijjiersborrel en se mei prachtich nijs komme: se binne yn ferwachting en at alles goed giet, krije se yn de neisimmer harren earste berntsje! Geweldich, wat in ferrassing. Wat wiken letter, at de famylje in snein byinoar is, komme âldste soan en syn frou mei een ‘nijtsje’: ek sy ferwachtsje in berntsje, harren twadde. Yn oktober. Der sitte mar goed 6 wiken tusken. Beide soannen dy’t heit wurde, prachtich! Noch wat letter freget ús dochter oan myn man en my om efkes sitten te gean, want se wolle ús wat fertelle… Wy krije in fermoeden: ‘Dó dochs net.......?’ Ja, sy ék! Sy dogge gesellich mei en ferwachtsje harren tredde. Yn novimber, en... wer sa'n 6 wiken dertusken! En dan binne pake en beppe efkes stil. Nét te leauwen, ál ús trije bern wurde (wer) ‘Heit en Mem’. Yn in pear moanne tiid in ferdûbeling: fan 3 nei 6 pake- en beppesizzers. Der folgje moannen fan grut ‘útsjen-nei’ en óprinnende spanning by pake en beppe. At alles mar goed gean mei. En dan wurdt it 30 augustus en wurdt de earste berne, in famke: Stella Yinuo! Wy binne o sa bliid en tankber. Op 16 oktober sjocht lytse Lennart Henrik it libbensljocht, en op 25 novimber meie wy de lêste, Zeger Bastiaan, yn de famylje begroetsje. Der kinne krystkaartsjes makke wurde, mei trije babyfoto's en de blide meidieling: “Er zijn drie kindekes geboren op aard…!” It wie in bysûndere kryst. Dêr sieten se dan op de bank: de trije “molk-fabriken” mei harren popkes, glânzich fan de memmemolke: in bysûnder tafriel. It is drok, mei in protte hinne-en-wer-gerin nei boppen, fuorje, ferskjinje, op bêd en der wer ôf, wá sines gûlt der nó? Kofje dy’t kâld wurdt. Grutte Krystdiners dogge we mar net oan, diskear. Us lok leit yn de komst fan dizze trije lytse minskjes, dy’t ús dit jier, méi de trije dy’t der al wiene, in hiele tankbere en blide pake en beppe makken fan in prachtich seistal! Tineke Miedema út Frjentsjer

6

De lach van een kind Mijn dochtertje is al twee jaar oud. Elke ochtend begint haar leven en mijn leven met een glimlach, communicatie en een goed humeur. Ik merkte dat een glimlach op het gezicht van je kind helpt moeilijkheden te overwinnen. Het kindje komt in je leven en verandert alles. Het maakt alles beter. Het is een echt cadeautje om bij haar en met haar te zijn, te zien hoe ze groeit, zich ontwikkelt en lacht. Margarita Spijksma uit Joure

Op de Cover Op de cover staan Lieke en Marit uit Hurdegaryp. Lieke wordt in maart 4 jaar en dan gaat ze naar de basisschool. Daar heeft ze heel veel zin in, maar het is ook wel een beetje spannend! Lieke een vrolijke meid, een echte kletskous. Marit wordt in april 2 jaar en is een eigenwijze dame die het liefst alles zelf wil doen. Ze vinden het beide hartstikke leuk om op de cover van de Heit & Mem te staan!


Lytse aapkes Dizze foto is nommen op in fleurich Van der Meulen famyljewykein op it Amelân yn maaie 2013. Hjir hingje alle neefkes en nichtsjes as lytse aapkes oan in klimrek, wat in moaie en fleurige komposysje opsmyt. Fan links nei rjochts: Jesse, Manouk, Isabel, Jilt, Thies, Jildou, Jacob, Jorn. Ynstjoerd troch Alie Dijk-Van der Meulen út Burgum

De groetjes! Ik lees het tijdschrift Heit en Mem altijd en gebruik hem ook voor mijn opleiding Pedagogisch Werk Kinderopvang. Super blad! Ik ben een meisje van 20, dus nog geen opa of oma, maar ik hou ontzettend veel van kinderen. Oud zal ik niet worden omdat ik zelf niet kan eten en drinken door een maagverlamming. Hierdoor ben ik dus afhankelijk van sondevoeding en ORS. Het leek mij wel erg leuk om eens in het blad de groetjes te doen aan al mijn neefjes en nichtjes. Zo voelt het alsof ik ook een keer iets superspeciaals terug kan doen en ben ik niet alleen de zieke nicht met slangen die in het ziekenhuis ligt en niets meer kan. Dag lieve Thymen, Friso, Jonathan, Josia, Iris, Ilse, Nynke, Bo en mijn zusje Esther! Groetjes van Annemari Talsma!

Poppe fan de moanne!

augustus

septimber

Berber Hendriks

Jelte Machiela

(3 moanne) út Odijk

(2,5 wike) út Marrum

oktober

novimber

Chris van Dijk

Jelte Lieuwe Terpstra

(3 wike) út Marrum

(in pear dagen) út Ferwert

desimber

jannewaris

Max Lammert Martin Brouwer

Leave Pake en Beppe No stean der samar fiif leave skatten yn de ‘Heit en Mem’. Hjirby wolle wy jimme fertelle dat wy in hiel soad fan jimme hâlde en dat wy gau werris komme te útfanhúzjen. Dikke tút fan Doutsen de Vries, Jildou de Vries, Hielke Hettema, Jurre Turk en Ties Hettema.

(3,5 wike) út De Westereen

Liam Rinsma (10 wike) út Harns

Fynsto dat dyn soan, dochter, beppesizzer, omkesizzer, buorjonkje of buorfamke ek de moaiste poppe fan de wrâld is? Mail dan in foto nei ynfo@heitenmem.nl en wa wit stiet dyn foto in skoftsje letter as poppe fan de moanne op heitenmem.nl en krije jo it nijste Fryske berneboek tastjoerd!

7


De keunst fan it opfieden

Nynke van der Zee

ite foarke n e s e i m izze ’, me s jo ‘ r Oe s m ûl tsje te t u r g en

De ôfrûne moannen koenen heiten en memmen op ús facebookpagina reagearje op fiif opfiedingsstellings. Oan de hân fan jimme reaksjes sjogge wy mei opfiedingsdeskundige Tea Adema út Burgum nei de hjoeddeiske opfieding. Want earlik is earlik: sa mâl dogge heiten en memmen anno 2014 it dochs net? Myn bern hoecht gjin ‘jo’ te sizzen tsjin âldere minsken. Dat is sa âlderwetsk. In goed begjin is it heale wurk. En dus starten wy mei in prikkeljende earste stelling. Margriet Jongboom-Keulen ferwurde de algemiene opfetting sa: ‘Onfatsoenlijk! Het is niet ouderwets, maar een duidelijk kenmerk van goede opvoeding!’ Der wienen sa no en dan ek oare lûden te hearren. Sa skreau Chantal Osinga-Albers: ‘Ik ben niet opgegroeid in een u-cultuur en daar ben ik eigenlijk heel blij mee. Ik heb hierdoor geleerd dat je met je en jij ook op een hele fatsoenlijke, respectvolle manier met iemand kunt praten.’ Genôch mienings, mar wat is no goed of fout? ‘Der is gjin goed of fout’, fynt

8

bernecoach Tea Adema. ‘“Jo” sizze hat te meitsjen mei de wearden dy’tsto dyn bern meijaan wolst.’ Mar tagelyk hat jo sizze ek noch in oare funksje, wit Tea. ‘Jo sizze is benammen bedoeld om it ferskil oan te jaan tusken bern en grutte minsken. Bern ha dat soarte kaders noadich om har feilich te bewegen. Dat jout se it fertrouwen dat se witte hoe’t se har hâlde moatte yn in ûnbekende omjouwing. It giet dus net allinne om fatsoen, mar ek om it oanlearen fan sosjale feardichheden bûten de eigen fertroude thússituaasje.’

Opfieden is in taak fan de skoalle.

De twadde stelling is in diskusjepunt dêr’t ek Tea har drok om makket. ‘De opfieding is primêr de taak fan âlders. Lit ús dat foaropsette. Fansels fiede learkrêften de bern yn in bepaalde sin ek op, mar dan giet it om de opfieding yn ’e klasse. Stadichoan sjogge wy lykwols dat skoalle hieltyd mear ferweve rekket mei de thússituaasje, troch bygelyks it oerbliuwen tusken de middei en de neiskoalske opfang. Mar as âlder bliuwst úteinlik ferantwurdlik.’ In soad Facebookers binne it mei Tea iens. Bygelyks José van der Bij: ‘Bern bringe in grut part fan har jeugd troch op skoalle, dus ja skoallen binne mei ferantwurdlik foar in stikje opfieding. Jo sykje, as it goed is, ek in skoalle foar jo bern út dy’t oanslút by jo eigen noarmen, wearden en ideeën toch?’ Of sa’t Marchje Spoelstra seit: ‘As myn bern op skoalle wat útfret dat net kin, dan ferwachtsje ik wol fan skoalle dat se dêr wat oan dogge. In bytsje gearwurkje mei syn allen kin gjin kwea!’


Benijd nei de fyfde stelling? Sjoch op ús Facebookpagina!

Myn bern mei in grutte mûle ha, hy hat syn eigen miening.

By de tredde stelling stiet in foto fan in jonkje yn Feyenoord-shirt, dat de middelfinger opstekt. Dat lokke in soad reaksjes út. ‘In eigen miening kin ek sûnder finger en grutte mûle’, sa liet Popke van der Woude witte. ‘Om voor jezelf op te komen heb je geen grote mond nodig. Dat getuigt alleen maar van onmacht’, fult Lenie Nolles oan. ‘Elk bern hat wolris in grutte mûle en dat is hielendal net slim’, fersekeret Tea. ‘Oan de âlders om dat te korrizjearjen. Hat dyn bern in grutte mûle, dan is it belangryk om de situaasje dêrnei wer yn oarder te meitsjen. Dat kin bygelyks troch dyn bern syn ekskús oanbiede te litten. Dêr leare se allinne mar fan.’ Mar in grutte mûle en in eigen miening hawwe neat mei-inoar te meitsjen, fynt ek Tea. ‘Lear in bern op de goede wize syn miening te uterjen. Dêrtroch sil er him letter makliker rêde kinne yn de groep.’

Wat myn bern allegear útspoeket as er bûten boartet, dêr ha ik gjin ynfloed op.

Thús binne it sokke brave jonkjes en famkes. Mar ienris bûten, út it sicht fan heit en mem, feroarje se yn stikeme dogenieten. Yn hoefier binne heiten en memmen dan noch ferantwurdlik? Catharina van der Meer is dúdlik: ‘Je hebt er misschien niet altijd invloed op wat je kind buiten je gezichtsveld doet, maar je blijft als ouders verantwoordelijk voor je kinderen en wat ze doen.’ ‘Bemuoi dy sa min mooglik mei dyn bern as se bûten binne’, is Tea har advys. ‘As heit en mem moatst derop fertrouwe dat dyn opfieding in goede basis jout foar hoe’t dyn bern him bûten gedraacht. Mar komme der klachten, rop dan net: “Dat docht myn bern net”. Myn advys: lit him of har sels de ferantwurdlikheid nimme foar de aksjes. Dus is der wat stikken rekke, dan sil er dat sels wer meitsje moatte. Ek al kostet dat bûsjild, dat binne no ienris de konsekwinsjes.’

Hielendal net sa gek Ta beslút de grutte fraach: hoe dogge wy it as heiten en memmen anno 2014? ‘Hielendal net sa gek’, is Tea har konklúzje. ‘Elke generaasje docht it op syn eigen wize. Sa feroaret opfieden troch de jierren hinne. Elk bern, mar ek elke âlder is op ’t lêst in produkt fan syn eigen opfieding.’

9



Swier & Swiet Foar de wjukkelpyk Martine Borstlap út Dokkum makket prachtige fûgelhúskes, dêr’t sy dyn bertekaartsje op ferwurket. Sa hast in hiel leuk en persoanlik kreamkado! Sjoch foar mear ynformaasje en oar fleurich berneguod op www.fleurigenkeurig.nl.

€ 14,95

€ 9,50 Kninemyn!

€ 3,50 p/s Elk huisje heeft zijn… letter! Voor deze houten huisjes heeft jouw kind vast nog wel plaats in z’n slaapkamer! Ook een origineel kraamcadeau natuurlijk. Deze huisjes zijn bedacht en gemaakt door Sjoukje Feenstra en Lydia van der Heijden. Wil je meer creaties van ze bekijken of bestellen? Kijk dan op www.facebook.com/stylyd

Leuk binne se, hin? Dizze kninemyntsjes fan it merk Funnies. Op syk nei in kreamkadootsje? Sjoch dan ris yn de boek- en kadowinkel fan de Afûk. Dêr wachtsje dizze kninemyntsjes om kocht en ynpakt te wurden en dêrnei in lyts jonkje of famke stiif oan te krûpen!

Hamamdoek voor baby’s De hamamdoek (ook wel pestemal of fouta genoemd) komt oorspronkelijk uit Turkije. In het badhuis (de hamam) of sauna worden de hamamdoeken gebruikt als omslagdoek en/of droogdoek. Maar hamamdoeken zijn ook fantastische doeken voor baby’s! Door het hydrofiel katoen kan je het kindje er goed mee afdrogen of erin wikkelen. De hamamdoek is dun, soepel, licht van gewicht en sneldrogend. Kijk voor meer informatie op www.hamamdoek.nl.

Sleepy Babyzzz In oantal studinten fan it Nordwin College yn Ljouwert hawwe dizze bysûndere skommelwidze op de merk set! Miskien hiest him al sjoen op de Heit & Mem-beurs. Do kinst sels de kleuren fan dit bedsje bepale. Sjoch foar mear ynformaasje op www.sleepybabyzzz.nl

Onbehandeld € 249,95 Geverfd € 300,-

11


Nynke van der Zee

Selektyf mutisme Wat as de wurden dyn mûle net út wolle?

Tegearre sitte de suskes Danique en Michelle op ’e bank tillevyzje te sjen. De froulju ha de grutste wille tegearre, mar it wurdt mûsstil as der ûnbekende besite oer de flier is. By frjemde minsken giet Michelle’s mûle op slot en komt der gjin wurd mear út. Net op skoalle, net yn de winkel en al hielendal net tsjin in nijsgjirrige sjoernaliste. Michelle is in fleurich famke fan 8 jier en sit yn groep 5. Se hat prachtich lang hier, hâldt fan gesellich kwebbeljen, is gek op follybal en docht fanatyk oan streetdance. In famke krekt as alle oare famkes út har klasse. Mar der is ien grut ferskil: Michelle seit neat. No ja, neat. Se praat wol, mar allinnich as se mei freondintsjes is. Komt der in oar by it groepke stean, dan hâldt Michelle’s mûle op. Ek al soe se noch sa graach wolle, it bliuwt stil. Hiel stil. De échte Michelle sjen Michelle hat selektyf mutisme, in seldsume eangststeuring dy’t benammen foarkomt by bern. Se praat

12

net yn sosjale situaasjes lykas op skoalle of by de sportferiening, mar allinnich tsjin minsken dy’t se fertrout. ‘Thuis kan Michelle een enorme kwebbelkous zijn’, fertelt mem Rianne Velderman. ‘Dat ik echt moet vragen of ze even haar mond wil houden. De wereld op z’n kop. Dat vind ik zelf zo jammer: dat andere mensen Michelle niet zien zoals ze echt is.’ Al op jonge leeftyd fernimt Rianne dat Michelle oars is as oare bern. Thús praat se hûndert út, mar op it pjutteboartersplak seit se gjin wurd. As Michelle nei de kleuterskoalle giet, werhellet him presys itselde ferhaal.

De lytse Michelle boartet mei alle bern, sjongt thús ferskes dy’t se op skoalle leard hat, mar yn ’e klasse giet har mûle op slot. Leararen ha gjin idee wat der oan ’e hân is en ek Rianne snapt der neat fan. Oant it gesprek mei de GGD-arts, dy’t mei de diagnoaze komt: selektyf mutisme.

Dat vind ik zelf zo jammer: dat andere mensen Michelle niet zien zoals ze echt is.


Silich fûgeltsje It is lestich om as bûtensteander te begripen wat selektyf mutisme presys is. Hiel simpel sein giet Michelle’s mûle op slot as se yn in situaasje mei ûnbekende minsken is. Mar ek op skoalle seit se gjin wurd, wylst se dêr elkenien ken. ‘Ik blijf het ook lastig vinden om precies te begrijpen waar Michelle zelf de grens trekt’, jout Rianne ta. ‘Maar ik ben ontzettend blij dat ze wel met vriendinnetjes praat en ook steeds meer met de juf. Want een kind dat als een zielig vogeltje in een hoekje van de klas zit, dat wil geen enkele ouder.’ De hiele dei stil wêze is sa maklik noch De hiele dei stil wêze is sa maklik noch net. Freegje oftst nei de wc ta meist, in fraach stelle oer in drege rekkensom of yn ’e kring fertelle oer it wykein. Michelle docht dat net. En dat is best lestich, ek foar de juffen. ‘We hebben nu de afspraak dat ze een poppetje op haar bureau zet wanneer ze een vraag voor de juf heeft’, leit Rianne út. ‘Dan wijst ze aan wat ze niet begrijpt en vervolgens legt de juf uit hoe het zit. Gesprekken gaan dus alleen met gesloten vragen waarop Michelle kan knikken of haar

hoofd kan schudden. Er komen geen woorden aan te pas.’

Een kind dat als een zielig vogeltje in een hoekje van de klas zit, dat wil geen enkele ouder. De grutte útdaging Sûnt 2011 giet Michelle nei in psycholooch foar terapy. Doel is om te bouwen oan har selsfertrouwen, sadat se leart om hieltyd mear te praten. En dat giet mei lytse stapkes. ‘We oefenen nu met “dankjewel” zeggen in de winkel. Dat is al één keer gelukt. Trots dat ik na afloop was. En dan kijkt ze me thuis aan: “Mam, doe alsjeblieft even normaaaal!” Dat vindt ze dan weer zo overdreven’, laket Rianne. Michelle rêdt har oant no ta prima. Se giet elke dei fleurich nei skoalle, kin goed meikomme mei de lesstof en hat in soad freondintsjes. Ein maaie stiet lykwols

de grutste útdaging op it programma: de boekbesprekking. ‘Laatst vroeg ze me: “Mama, hoe gaan we dat eigenlijk doen, die bespreking?” Dus ze denkt er wel degelijk over na. Maar ik weet bijna zeker dat ze geen woord zegt wanneer het straks zover is. Ik zou het dolgraag willen, maar dat is nog een te grote stap op dit moment.’ Foarút sjen Oer grutte stappen sprutsen, Rianne hat sels mar ien grutte eangst: de oerstap nei de middelbere skoalle. Dêr binne ommers allinnich mar ûnbekende bern en frjemde dosinten. ‘We kunnen alleen maar afwachten hoe het straks komt, maar zelf heb ik maar één grote wens. Alsjeblieft Michelle, trek straks gewoon je mond open.’

13


BERN Heit & Mem-beurs 2014 Wat wie it leuk, hin? De Heit & Membeurs… Gelokkich komt der dit jier wer ien! Dus set de data efkes yn jim aginda: 17, 18 en 19 oktober!!!! Wolst op de hichte hâlden wurde oer de Heit & Mem-beurs? Sjoch dan op www.facebook.nl/heitenmembeurs

Timo en het toverstokje

Tongbrekkers Hoe snel ben jij? Test het met deze tongbreker: Hij raspte het rapst geraspte kaas.

Deze gratis digitaal-prentenboekapp moet je echt even downloaden en samen met je kleuter bekijken. Op elke pagina van de app zit een interactief element, waardoor je kind echt bij het verhaal betrokken wordt. Klik bijvoorbeeld op Timo, zodat hij met het toverstokje zwaait. Moeder verandert in een hondje, vader in een aap en het kleine broertje in een varken. Als Timo honger krijgt, wil hij zijn moeder terugtoveren. Maar dan breekt het toverstokje… Wat nu?

Perenvrouwtjes en appelkabouters Een aantal jaren terug was je met een grote trommel lolly’s klaar, maar vandaag de dag is dat ‘not done’. Gezond trakteren is hip en verantwoord. En eigenlijk wordt er dan ook nog van je verwacht dat de traktatie er leuk uitziet. Maar hoe verzin je zoiets? Gelukkig zijn er mensen die dat voor ons bedenken. Kijk eens op pinterest of op www.gezonde-traktatie.nl en www.traktatie-maken.nl. Heb je een mooie foto van jouw traktatie? Zet hem op onze facebookpagina!

14

' It takes a village to raise a child ' is een oud Afrikaans gezegde waarmee bedoeld wordt dat bij het opvoeden en leren alle mensen in de directe omgeving van het kind betrokken zijn.


Tafelziel

Goed ite! Asto boarstfieding jouste, pas dan ek goed op dysels. Nim in grut glês wetter of fruchtesop en nim dêrby in hânfol nútsjes, studintehaver, droege abrikoazen of in pear blokjes tsiis. Dit is (noch) net de tiid om te lijnen!

Bisto ek sa bang dat dyn bern dyn moaie tafel ûnderkleurje? Of hast miskien in kleed oer dyn moaie ikehouten tafel hinne? Skande dochs? Floor Heslenfeld hat dêr wat op betocht. In trochsichtich plestik tafelseil fan 2 mm dik. Do kinst it kleed fia www.tafelziel.nl bestelle en presys op maat snije litte. En it leuke is, do kinst fan alles ûnder it seil skowe. Lit dyn kreativiteit mar los!

Museumkaart

Tomke app is fernijd!

Mei syn allen op stap en dan eefkes by it museum oan? Dat dochst makkeliker mei in Museumkaart yn ’e bûse. Dan kinst sa trochrinne nei de 400 skatkeamers dy’t Nederlân ryk is. € 49,95 www.museumkaart.nl

De Tomke app bestiet út fjouwer animearre Tomke-boekjes: ‘Tomke en de bisten’ (nij!), ‘Tomke en it kado’, ‘Tomke en Swarte Pyt’ en ‘Tomke en de krystkrânskes’. By de boekjes binne leuke spultsjes te dwaan. Beskikber foar de iPad en Android. De Tomke app wurdt fergees oanbean troch de Afûk.

Romke Romke is in leaf sacht hûntsje fan sa’n 17 sintimeter. Meastal wennet er by Romke mar no kin der ek yn Achlum wenje, of yn Spannum, Damwâld of Ljouwert. € 7,50 sjoch op www.afuk.nl

15


Aukje Mulder

Met K3-muziek bij de angsttandarts Er zijn weinig kinderen en volwassenen die fluitend naar de tandarts gaan. Bij echte tandartsangst zijn ze in goede handen op de afdeling Bijzondere Tandheelkunde (*) in het Medisch Centrum Leeuwarden. Tandarts Reinanke Hovens: ‘Hier werken mensen met engelengeduld.’ Tandartsangst ontstaat nooit ‘zomaar’. Vaak is er een reden, zoals bijvoorbeeld bang zijn voor dokters in witte jassen of een nare ervaring bij een (tand)arts. Reinanke Hovens herinnert zich een meisje dat door een hond in haar gezicht was gebeten. ‘Na het hechten van de wonden was zij panisch voor alles wat er aan haar gezicht moest gebeuren. Ik weet ook nog van een jongetje dat op de badrand was gevallen, waarna zijn voortanden gerepareerd moesten worden. Die behandelingen had hij als heel akelig ervaren, waardoor hij niet meer naar de tandarts durfde.’ Soms is het de angst van de ouders, die overslaat op de kinderen. ‘Een kind voelt emoties haarfijn aan. Een ouder die zelf bang is, zal – goedbedoeld – zeggen : “De tandarts gaat alleen maar kijken” of “Het doet niet zeer”. Voor een kind is dat niet geruststellend. Want blijft het echt wel bij kijken? En wie weet doet het wèl pijn...’ Verstopt Een angsttandarts bouwt het vertrouwen stapje voor stapje op. Het is belangrijk om niets te overhaasten. Daarom bestaat een

16

eerste consult alleen maar uit een gesprek. Dat hoeft niet per se in de behandelkamer. ‘Ik heb wel eens zitten praten met een jongetje dat verstopt zat onder een stoel in de wachtruimte en daar niet vandaan durfde te komen. Voor de tweede afspraak had ik de behandelstoel volgezet met knuffeltjes. Het jochie durfde toen al om het hoekje van de deur te kijken en naar binnen te stappen.’

Angst van ouders slaat soms over op kind. Bob de Bouwer Als moeder van vier kinderen in de leeftijd van vijf tot tien jaar is Reinanke thuis in de wereld van Bob de Bouwer, Hello Kitty en K3. Als een patiëntje meer vertrouwen krijgt door keihard z’n lievelingsmuziek te beluisteren in de behandelkamer, vindt ze dat prima. ‘Je wilt niet alleen behandelen, maar ook het kind uiteindelijk zover krijgen dat het weer naar de eigen tandarts durft te gaan.’

Denkend aan haar patiëntenbestand constateert ze dat ouders nog altijd behoefte hebben aan voorlichting. ‘We zien kinderen met véél gaatjes. Soms peuters waarbij al tanden en kiezen getrokken moeten worden. Oorzaak: “zuigfles-cariës”. Als je weet hoeveel kinderen in een buggy zitten of naar bed gaan met een zoet drankje... Laatst kwam hier een jongetje dat alleen maar icetea en yoghurtdrank lustte. Hierdoor was het glazuur op zijn tanden – dat een isolerende laag vormt – opgelost. Met daardoor meer kans op gaatjes.’ Tandenpoetsen Nog zo’n onderwerp waarover voorlichting gegeven kan worden, is tandenpoetsen. ‘“Mijn kind wil niet gepoetst worden en ik ga er geen strijd van maken”, hoor ik vaak. Inderdaad vinden twee- en driejarigen dat poetsen soms niet leuk en laten dat ook merken! Mijn advies: als je zo’n driftkikkertje hebt, word niet boos maar pak wel dóór. Doe je dit niet, dan heeft je kind later grote kans op problemen en pijn en zijn behandelingen bij de tandarts minder prettig. Dan is een trauma makkelijk geboren.’


Cadeautje ‘Ik behandel pas als een kind eraan toe is. Daarna mag het een cadeautje uitzoeken. Natuurlijk moet je bij een twaalfjarige niet meer met plakplaatjes of handpoppen aankomen. Iedere patiënt benader je anders en het is belangrijk om reacties te registreren en daarop in te haken. Soms besluiten we om extreem angstige kinderen in narcose te behandelen. Zij komen dan voor dagopname naar het ziekenhuis.’ ‘Na een vervelende ingreep wordt tijdens

een vervolgconsult alleen maar even in de mond gekeken en nagepraat. We willen dat een patiëntje met een positief gevoel de deur uitgaat. Zo voorkom je dat een akelige behandeling onnodig grote proporties aanneemt in z’n hoofd. Ons doel is het kind voldoende vertrouwen te geven om weer terug te gaan naar de eigen tandarts.’

(*) De medewerkers van de afdeling Bijzondere Tandheelkunde behandelen extreem angstige patiënten, mensen met een lichamelijke en/of verstandelijke beperking, met afwijkingen aan het gebit/ gezicht en patiënten in het verpleeg- of ziekenhuis.

Angstpreventie begint in de kinderleeftijd. Neem je kind daarom vanaf zijn tweede jaar mee naar de tandarts, de eerste keer alleen om te kijken.

tip s

Kiezendouche Zoals gezegd, verlopen behandelingen in stapjes. Ze hanteert onder andere de ‘tell-show-do’-methode. Vertellen wat je doet, al naargelang de leeftijd met behulp van handpoppen of knuffels. Apparatuur demonstreren en het kind laten wennen aan borsteltjes, watjes en zuigertjes en die eventueel op de vinger laten voelen. ‘Vergeet niet: voor een peuter kan een zuigertje al eng zijn, misschien verdwijnt je tong erin! Als een kind vraagt: “Ga je ook boren?” zeg ik: “Nee, boren doe ik in de muur. Ik gebruik een kiezendouche, waarmee ik kiezen schoonmaak”.’

Doe geen valse beloftes, zoals: ‘je voelt absoluut niks’. Als het dan tòch pijn doet, kan je kind zich verraden voelen. Beperk het aantal eet- en drinkmomenten tot zeven op een dag. Drie hoofdmaaltijden en vier tussendoortjes. Besef dat o.a. yoghurtdrank ‘zonder toegevoegde suiker’, toch bol staat van de vruchtensuikers. Tandenpoetsen moét. Sla in elk geval het poetsen voor de nacht nooit over.

17


Aukje Mulder

18

Een gezond ontbijt...


is de benzine voor je lijf

19


Je mobieltje werkt niet op een lege batterij en de auto start pas als er genoeg benzine in zit. Daarom moet je je eigen lijf iedere ochtend opladen met een gezond ontbijt. Toch zijn een paar boterhammen of een flink bord pap niet voor iedereen vanzelfsprekend. Vijftien procent van de leerlingen op de basisschool zit met een lege maag in de klas.

De volkswijsheid “ontbijt als een keizer, lunch als een koning, dineer als een bedelaar” gaat nog altijd op. In elk geval voor het ontbijt. ‘Tussen avondeten en opstaan zitten al gauw twaalf uren en is het maag-darmsysteem in rust. Daarom moet je ’s ochtends gezond eten om met voldoende energie aan de dag te beginnen én om je darmen weer aan het werk te zetten’, zegt Jetty Terpstra van Diëtisten Friesland.

Door goede basis ga je overdag minder snacken en snaaien. ‘Leerkrachten kunnen echt verschil merken als kinderen zonder ontbijt op school komen. Deze leerlingen zitten veel te gapen, maken in de les en in de gymzaal een vermoeide indruk en zijn minder geconcentreerd. Bovendien

20

krijgen ze later op de dag lekkere trek en komen ze makkelijk in de verleiding om te snacken en te snaaien. Dan nemen ze vaak ongezonde tussendoortjes die naar verhouding veel vet en energie bevatten.’ Geen tijd Veel pubers met overgewicht die Jetty op haar spreekuur ziet, ontbijten – net als hun ouders – niet. ‘De reden? Ze hebben geen tijd of krijgen ’s ochtends geen hap door hun keel. Daarmee beginnen de ongezonde voedingsgewoonten. Ik pleit ervoor dat ouders een kwartiertje eerder opstaan en rustig de tijd nemen om samen met hun kind iets te eten. Het is een kwestie van gewenning en het goede voorbeeld geven. Goed eetgedrag is makkelijker aan te leren dan slecht eetgedrag later is af te leren.’ Obstipatie Een goed ontbijt zet ook de darmen aan het werk. Jetty geeft daarvan een voorbeeld uit haar praktijk. ‘Een moeder

kwam bij me met haar dochtertje van zes, dat met overgewicht kampte, en haar zoontje van negen, dat aan ernstige obstipatie leed en te licht was voor zijn leeftijd. Het gezin ontbeet nooit. Het meisje had de hele dag door lekkere trek en was voortdurend aan het snaaien. Bij de jongen was de stofwisseling ontregeld, waardoor hij geen eetlust had en zijn darmwerking stillag. Door gezond te ontbijten, zijn de klachten bij beide kinderen afgenomen.’ Kinderen op de basisschool hebben een ideale leeftijd om signalen op te pikken en de school heeft een belangrijke functie in vormend gedrag. Ouders die het lastig vinden om gezond te eten, kunnen aansluiten bij – en gebruikmaken van – die ‘nuttige bodem’ die op school wordt gelegd. Een steuntje in de rug is het Nationaal Schoolontbijt. Het wordt georganiseerd door het Voorlichtingsbureau Brood. Ieder jaar is het één week in november het grootste


Schoolgruiten? Wat is dat? Van kinderen onder de 12 jaar eet 92 procent te weinig groente en 72 procent krijgt dagelijks te weinig fruit. Zoals het Nationaal Schoolontbijt de focus richt op het belang van ontbijten, zo kan Schoolgruiten stimuleren om kinderen vaker groenten en fruit te laten eten in de ochtendpauze. Een school ‘gruit’ als er minimaal twee keer per week gezamenlijk in de klas fruit of groente wordt gegeten. Kinderen maken op deze manier ook kennis met smaken van fruit- en groentesoorten die ze anders nooit eten.

ontbijtevenement van Nederland. In 2013 zaten er ruim 400.000 kinderen op zo’n 2.000 basisscholen samen aan een ontbijt in de klas.

Het Nationaal Schoolontbijt als steuntje in de rug. Kritiek Wel kwam er kritiek van foodwatch, de nationale voedselwaakhond, die weliswaar het initiatief prees, maar niet de manier waarop. “Het Nationaal Schoolontbijt is een podium geworden voor grote voedselbedrijven, die jonge kinderen bestoken met slimme marketingtechnieken. Merken als Venz, ERU, Blue Band en Appelsientje sieren opzichtig de schoolontbijttafels: zij sponsoren het Nationaal Schoolontbijt graag”, aldus foodwatch.

Om Schoolgruiten te stimuleren is er sinds 2010 het EU-Schoolfruitprogramma. Scholen kunnen zich hiervoor aanmelden en krijgen vijf maanden lang elke week gratis schoolfruit. Net als ontbijten kan ook het eten van een fruit- of groentehap op deze manier routine worden. www.gezondeschoolfryslan.nl/nationaal-schoolontbijt www.fruit.scholen.net/schoolgruiten www.poepie.info

Jetty vindt de nadelen niet opwegen tegen de voordelen. ‘Het Nationaal Schoolontbijt moet nu eenmaal betaald worden en het zijn verantwoorde producten. Het positieve signaal dat ervan uitgaat is groot. Je kunt kinderen op deze gezellige manier bewust maken van de noodzaak om te ontbijten.’ Continurooster Met de intrede van het continurooster op veel scholen zien ouders zich voor een nieuw probleem gesteld: wat geef ik mijn

kind mee? ‘Ouders willen niet dat hun kind een hongergevoel krijgt en stoppen over het algemeen te veel etenswaren in de schooltas. Ik hoor van bezorgde leerkrachten dat kleuters uit groep 2 en 3 in de ochtendpauze soms een banaan én twee pakjes peuterkoekjes eten – terwijl een banaan al genoeg is. Ouders zijn van goede wil, maar soms ontbreekt het nog aan informatie. Kortom: door goede voorlichting op school is er nog steeds winst te behalen in het verbeteren van eetgewoontes in het gezin.’

21


Meubelstoffeerderij AS

Gele Buorren 3 8834 XK Baard

$

Voor het klassieke stoffeerwerk en stoffeercursussen

06-51205076

www.stoelvandeburen.nl


Bernepraatsjes Hat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei ynfo@heitenmem.nl.

Hester (2) sjocht fol oandacht nei har mem dy’t har oan it opmeitsjen is. Dat liket Hester ek wol wat en se seit: ‘Mem, mei ik ek Pipo wêze?’

Jesse Bauke (2) is mei syn heit en mem út iten en se hawwe stokbôle besteld. As earst it drinken brocht wurdt, seit mem tsjin Jesse Bauke: ‘Wat seist dan?’ Jesse Bauke antwurdet: ‘Wêr bliuwt de stokbôle?’

Janne (2) sjocht dat mem in parasetamol pakt. Mem leit út wat dat is en dat it helpt tsjin har pineholle. It is krekt sa as mei in setpil, fertelt mem. Janne begrypt it, mar as mem de parasetamol yn de mûle dwaan wol, sjocht Janne ferheard op. ‘Wat docht mem no? Dy moat net yn de mûle, mar yn mem har kont!

Mats (3) wol mem wat yn it ear flústerje en freget: ‘Mem, mei ik wat tsjin dyn wang sizze?’

Jorijn (5): ‘Ik weet wat Heit & Membeurs in het Nederlands betekent! Vader en moeder portemonnee!’

Aniek (2) kin al hiel goed fytse! Meastal op de stoepe en soms op de leuning! (stoeprâne)

Sam (3) freget mem om in par. Mar mem seit: ‘Ik moet eerst de rijst nog even afgieten.’ Fiif minuten letter wurdt Sam ûngeduldich en freget: ‘Mem, heb je de rijst al afgeschoten?’

Het nichtje van Niels wordt gedoopt en mem probeert uit te leggen wat een dominee is. ‘Oh, dat weet ik wel!’ zegt Niels. ‘Die zet je allemaal op een rij en dan kun je ze laten omvallen!’

23


Sandra Wierda (33) is 30 wiken swanger en ferwachtet ein jannewaris in twaling. Sandra is troud mei Sjoerd. Tegearre binne se no heit en mem fan twa famkes, Froukje (9) en Wietske (6).

24


‘ Allebeide ien’ ‘Geweldich, dan ha we aanst allebeide ien’, wie de reaksje fan Froukje en Wietske, doe’t se hearden dat mem Sandra yn ferwachting wie fan net ien, mar twa berntsjes. ‘Sjoerd en ik hawwe elkoar earst ris goed yn de eagen sjoen,’ fertelt Sandra, ‘doe’t by de tsienwiken-echo bliken die dat wy in twaling krije soenen. We wienen suver wat fan slach.’ Sandra en Sjoerd wienen útgien fan ien lytse poppe. ‘Doe’t ús heit twa jier lyn ferstoar, hienen wy dochs it gefoel of woenen wy noch ien derby, foar ússels, foar de famkes en foar him. We woenen wol graach wachtsje oant de famkes al wat âlder wienen. Mar doe’t in freondinne fan my ek wer in lytsen krych en ik dat lytse minskje yn myn earms hold, doe wist ik it seker, ik woe der noch ien by. Mar de skrik siet der earst al goed yn!’ Gelokkich reagearde Sandra har mem en ek de âlders fan Sjoerd hiel nuchter: ‘We rêde dermei. It komt wol goed.’ Sandra: ‘Ik fiel my no prima. Mar dat hat wol oars west; mei dizze twa haw ik my ek twa kear sa mislik field. De hiele dei rûn ik om mei in weeïch gefoel. Ik hoegde echt gjin iten; mar no haw ik dêr gelokkich gjin lêst mear fan. Wol fiel ik my gau wurch, no’t de beide jonkjes swierder wurde. Ek meitsje ik my mear soargen as by de earste twa: hoe soe it komme, hoe giet de befalling, boarstfieding mei twa tagelyk?’ By de tweintichwiken-echo die bliken dat de twa berntsjes op kommendewei in twa-aaiïge twaling binne. De beide jonkjes komme aanst njonkeninoar te lizzen yn it sliepkeammerke boppe. ‘We hienen ek noch in keammerke

oer, dus noch in reden dat der noch wol ien by koe. Mar no hâlde wy op hear!’ ropt Sandra út. Sandra en Sjoerd hawwe tegearre it keammerke yn grize en wite kleuren farve. De beide famkes hawwe elk in skilderijke makke foar de jonkjes. Ek de oare tariedings binne dien en Sandra kin no de tiid foar harsels nimme en genietsje fan har swangerskipsferlof. Gelokkich springe Sandra har mem en skoanâlders in protte by. ‘Sjoerd nimt de measte húshâldlike taken foar syn rekken en Froukje en Wietske dogge ek har bêst en dûnsje sa no en dan mei de stofsûger en stofdoek troch de keamer hinne.’ Oer de nammen fan de beide jonkjes hoegden de oansteande âlders net lang nei te tinken. De beide pakes wurde ferneamd. Allebeide ien.

Wolst witte hoe’t de befalling gien is en hoe’t de twaling fan Sandra en Sjoerd derút sjocht? Gean nei www.heitenmem.nl foar it ferfolch! Bisto yn ferwachting en wolst ek meidwaan oan dizze rubryk? Mail in foto fan dysels mei in koart ferhaaltsje derby nei ynfo@heitenmem.nl

25


Dit is wat wy witte, lytse mûs, ik fan dy en do fan my, hjoed sil it heve. Oan de stâle fan dizze himelsblauwe blom krûp ik út myn hûs foar dy. ’t Giet mei in slakkegong, it slimet en it slystert wat, halsbrekkerij.

Ik ek fan dy Baukje Wytsma

Ik glydzje stadich nei dy ta, myn lytse mûs, wy binne jong en dit is wat wy witte: ik fan dy en do fan my.

Ik ek fan dy (€12,50) te keap bij de Afûk of via www.afuk..nl

26


Boeken foar Heit&Mem Nije Fryske útjeften: It geloksbern (roman)

€ 18,50

Hilda Talsma, elikser

Tantalus II– Learjild (roman) € 19,50 Manuela Köster, Elikser

Littenser Merke (roman)

€ 19,50

Ale S. van Zandbergen,

Friese Pers Boekerij

t ne maar n a o m e d Boek fan

€ 15,-

Yn de moanne maart: € 12,50

Inferno / Ynferno Dan Brown

Op 11 jannewaris wie Dan Brown, skriuwer fan bestsellers lykas ûnder oaren De Da Vinci Code, Het Bernini Mysterie en Inferno, yn Fryslân. As ienige boekwinkel yn Fryslân is it boekhannel Van der Velde yn Ljouwert slagge om de man te strikken foar in sinjearsessy. 100 lêzers binne útlotte foar dy spesjale gelegenheid, en wa’t woe koe yn ’e winkel op ’e Nijstêd ek in hantekening krije fan de Fryske oersetter fan Inferno, Abe de Vries. Heit & Mem wie by de sinjearsessy en befrege guon fan de gelokkige lêzers dy’t in hantekening krigen.

De brimstige ingel

Wieke de Haan (50+): ‘Brown syn boeken binne yn 52 talen oersetten

Sjoch foar mear ynformaasje oer dit boek op www.boekfandemoanne.nl

minsken dy’t hy oansprekt mei syn boeken, dat ik bin bliid dat ik

Klaas Rusticus

en syn boeken wurde rûnom yn ’e wrâld lêzen. Der binne safolle

hjirby wêze koe. Boppedat ha ik no de hantekening fan Brown én fan De Vries yn ien boek.’

Tip

De kleine Fries voor Dummies Janneke Spoelstra

€ 8,95

www.pearsoneducation.nl De kleine Fries voor Dummies is een toegankelijke en praktische kennismaking met het Fries, de bekendste officiële minderheidstaal van Nederland. In tien hoofdstukken leer je de taal in alledaagse situaties toe te passen, zoals bij het kennismaken en op vakantie, maar ook bij sport en ontspanning, winkelen, eten en drinken, wonen en werken en in noodsituaties.

Dan Brown: ‘Ondanks dat het Fries niet een groot taalgebied beslaat, ben ik erg blij met de Friese vertaling. Abe de Vries las een stukje

voor; in het Fries klinkt het heel melodieus, bijna als een gedicht.’ Lineke Kleefstra (40+): ‘Thús ha wy ek Fryske hynders, lykas yn it boek. In skoft lyn hawwe we in fôle ferkocht nei Amearika en it

tafal wol dat Brown syn frou dat jonge hynder, dat ek “Lineke” hjit,

beriden hat yn har foarstelling “Behind the Mask”. Dan Brown fûn dat in moai ferhaal.’

Pieter Dijkstra (50+): ‘Ik bin dûmny en yn de lêsklup fan de gemeente sille wy it boek besprekke. It stiet fol mei kristlike symboalen en ferwizings.’

Tip

Ynferno

Dan Brown

€ 22,95

www.lsamsterdam.nl Yn syn fenomenale bestsellers De Da Vinci Code, Het Bernini Mysterie en Het Verloren Symbool kombinearre Dan Brown op masterlike wize skiednis, keunst, koades en symboalen mei in razend spannend ferhaal. Mei Ynferno sit Brown op fertroud terrein en hat er syn oant no ta meast dryste boek skreaun. Dan Brown is ien fan de súksesfolste trillerskriuwers yn 'e wrâld.

Patrick Dijkstra (20+): ‘Ik heb al zijn boeken gelezen, behalve

“Het Bernini Mysterie”, daar heb ik de film van gezien. “Inferno” vind ik een van zijn beste boeken. Een buitenkansje, zo’n handtekening.’ Op ’e falreep komt noch in jonkje fan 10 de winkel yndraven mei De Da Vinci Code ûnder de earm. ‘Meneer, mag ik ook een

handtekening van meneer Brown? Ik heb het boek net uit en ga

een spreekbeurt over hem doen.’ Ad Peek, direkteur/eigener fan

Van der Velde, lit ’m gau trochrinne nei de tafel foar de allerlêste hantekening.

27


Stoere boeken foar bern Kranen, kypauto’s en folle mear Wolfgang Metzger, Afûk

In prachtich stoer grut en stevich (38x34 sm) kartonboek foar alle lytse en grutte fans fan ferfiermiddels. Wat gebeurt der allegearre op it bouplak, it fleanfjild, by it útriden fan 'e brânwacht of yn 'e haven? De platen binne ryk oan details.

De gruffalo De avonturen van Auke

Rixt Jansen sit yn groep 8 fan OBS De Stobbestjelp yn Vegelinsoard. Sy hat it boek ‘De avonturen van Auke/ De aventoeren fan Auke’ lêzen. Tolve meartalige skoallen yn Fryslân ha elk in haadstik oan dit boek skreaun. Sintraal stiet Auke, dy’t de Alvestêdetocht hast net útride kin omdat er net goed lêze kin. Oft Rixt it in boppeslach fynt? Lês mar! Wat fûnsto fan it boek ‘De avonturen van Auke/De aventoeren fan Auke’? Rixt: Ik vond het een spannend verhaal (soms) en vooral leuk. Het is zeker een aanrader! Het boek is in het Nederlands en in het Fries geschreven. In welke taal heb jij het boek gelezen? Rixt: Ik heb het boek in het Nederlands gelezen, omdat ik het in het Fries niet altijd helemaal snap. Lêsto wol faker boeken? En kinsto in top 3 jaan fan dyn favorite boeken? Rixt: Ik vind de ‘Hoe overleef ik … ’-boeken altijd leuk om te lezen. Dat gaat over van alles en nog wat. Op nummer 2 staan de boeken van ‘BFF’, en de boeken uit de serie ‘Kippevel’ staan op nummer 3. Soesto it boek ‘Auke’ ek oanriede oan de bern yn dyn klas/freondinnen? Rixt: Ik zou het zeker aanraden. Gewoon omdat het superleuk is om dit boek te lezen!

28

Julia Donaldson, Afûk

"De gruffalo? Noch noait fan heard. De gruffalo! Kensto dy dan net?" Mûs giet op stap yn it donkere bosk en komt in foks, in ûle, in slang en in gruffalo tsjin. Dy ha allegear wol sin oan in hapke mûs. Hoe sil dizze stoere mûs him dêr útrêde?

3+ € 13,95

4+ € 12,95

Als kinderen iets meemaken wat pijn doet, raken ze extra van streek wanneer ouders hen troosten. Hen prijzen en zeggen dat ze 'stoer' zijn of het 'knap hebben gedaan', helpt juist wel, zo blijkt uit onderzoek.

Skattich

4+

Lida Dykstra, Bornmeer

Knyntsje Tys hat skjin syn nocht. Omdat er sa lyts en plu­ € 12,50 zich is, fynt elkenien him skattich - en hy wól net skattich wêze! Hy keapet in sinnebril en in motor, en besiket stoer te rinnen en lilk te sjen. Mar helpt it allegear wol?

Lytse Daan, de wrâldkampioen Roald Dahl, Uitgeverij Wijdemeer

Dit ferhaal giet oer in heit en syn soan, hoe goed se it mei-inoar hawwe en oer it geweldige plan dat se betinke om de gemiene, glûperige, grutsprakerige menear Victor Hazze flink geweken te nimmen.

11+ € 15,90


lekker leze Mei in boekje yn in hoekje? Dat kan in deze leuke gestoffeerde kinderstoelen. Elke stoel wordt door Anke uit Baard met de hand gemaakt en is helemaal af met een persoonlijk naamlabeltje. Als dat niet lekker zit! Een mooi cadeau-idee voor vrienden op het kraamfeest? Kies je kleur op www.stoelvandeburen.nl

Dyslexielettertype € 19,50

It Grutte Foarlêsboek

Yn Nederlân hawwe 5 op de 100 minsken dysleksy. Dat is net oeral itselde, it hinget fan de taal ôf. Yn Finlân binne der folle minder, en yn Ingelân just mear as by ús. Der is in lettertype ‘dyslexie’ ûntwikkele dat makliker te lêzen is foar minsken mei dysleksy. Der komme ek hieltyd mear berneboeken mei dat lettertype út! Sjoch op www.dyslexion.nl

It Grutte Foarlêsboek giet oer in knyn dy't de hik hat, wetterpokken, Tomke en noch folle mear. Foar âlders dy't graach foarlêze, mar ek foar pakes en beppes, juffen en masters, mar foaral foar de bern sels! Foar € 19,50 yn de boekhannels te krijen.

De boekekiste op skoalle Skoallen kinne twa wiken lang in kiste mei Fryske berneboeken op proef krije. Sa is der genôch tiid om de lês-, ynformaasje- en printeboeken foar groep 1 - 8 te besjen en de skoalbibleteek up-to-date te meitsjen. De boeken dy’t net oankocht wurde, wurde wer ophelle. Sa komt it Frysk ek op skoalle en yn de klasse! Mear ynformaasje www.boekenfanfryslan.nl

De ynfloed fan heit! Van ouders met belangstelling voor voorlezen, blijkt de moeder in 65% en de vader in 8% van de gevallen degene die dit het vaakste doet. Onderzoek toont aan dat juist een (voor)lezende vader veel invloed heeft. Foarlêstips nedich? Gean nei de biblioteek, of sjoch op www.heitenmem.nl!

29


Noait in dei sûnder diabetes

Nynke Stallinga

Rianne Nutma (13) út Winsum kin poerbêst keatse. En se hat diabetes. It iene hat neat te krijen mei it oare. Tagelyk is it wol efkes spannend hoe’t de kombinaasje wêze sil. Want Rianne hat noch net sa lang diabetes. Ein septimber foarich jier is it fêststeld. Doe wie it keatsseizoen oer. It is simmer 2013 en Rianne drinkt in hiel soad. Bygelyks alle tolve pakjes drinken dy’t mei binne as it gesin in dei nei Skylge is. It famke gniist. ‘Ik hie gewoan toarst! Op skoalle dronk ik wol trije liter wetter. En ik moast hiel faak nei de wc.’ Mem fertrout it op in stuit net mear en makket in ôfspraak by de húsarts. ‘We koene foar skoaltiid wol efkes komme. Rianne har bloedsûker wie 17. De normale wearden lizze tusken de 4 en 8 mmol per liter. We moasten drekt troch nei it sikehûs.’ En dêr bleau it famke seis dagen. It gesin rekket yn in achtbaan.

30

Diabetes. Ast it hast, hast it foar altyd. Eltse dei prikke, rekkenje, iten weagje en alert wêze. Hoe is dat, as dyn bern fan 5 jier diabetes hat? Of in sportyf famke fan 13? Hoe witst datst it hast en wat komt der oan te pas? “Kinst der âld mei wurde”, hearre de âlden fan Rianne en Ilan gauris. ‘Dat is wier, mar bist ek gjin dei sûnder.’

In ‘spoedkursus diabetes’, sa’t Rianne it útdrukt. ‘De diëtiste komt, ferpleechkundigen, dokter. Der komt sa’n soad op dy ôf. Ik snapte earst net alles.’ Dat is no wol oars. Se leit mei help fan in plaatsje út wat der oan ’e hân is. ‘Myn alfleisklier makket gjin ynsuline oan. Ynsuline is eins it sleuteltsje dat in sel yn it lichem iepent, sadat de glukoaze út it bloed nei binnen kin. Glukoaze hast noadich om te groeien en te bewegen en sa.’ Rianne prikt sels om har bloedsûker te mjitten. Tegearre mei mem rekkent se moarns út hoefolle ynsuline oft se spuitsje moat yn kombinaasje mei de aktiviteiten fan dy dei, en se weagje har iten. ‘As ik mei de bus nei skoalle gean, spuitsje ik wat mear as wannear’t ik op de fyts gean.’ Op skoalle yn Frjentsjer – Rianne sit yn de twadde fan it vmbo – is se goed opfongen. ‘Myn freondinnen helpe my. Ik

moat altyd earst prikke foardat ik myn iten opite kin. Dat doch ik yn it ynvalidetoilet en dan giet der wolris ien mei.’ Ek de leararen hâlde der rekken mei. It hat foaral yn it begjin hiel wat triennen koste. ‘En no noch wol’, seit mem Imca. ‘In soad minsken sizze “se kin der âld mei wurde”. Dat is ek wol sa, mar moatst der altyd om tinke. Se docht it no hartstikke goed, mar bliuwt dat ek sa?’ It binne soargen dy’t ek de âlden fan Ilan de Bruin (5) út Dokkum hawwe. It jonkje hat no rom trije jier diabetes. ‘Hij weet niet beter, maar je zou zo graag willen dat hij een onbezorgde jeugd heeft’, seit mem Rosanna. Elts jier, op de dei dat de diagnoaze steld waard, hat Ilan syn ‘suikerfeest’. Heit Leo: ‘Dan mag hij alles eten waar hij zin in heeft. Pannenkoeken, patat; alles wat niet zo verstandig is. De consequentie is


dat wij er ’s nachts nog vaker uit moeten, maar dat hebben we ervoor over.’ Ilan hat in pompke dêr’t Rosanna en Leo de sûkerwearde op ôflêze. Troch de sensor dy’t Ilan ek hat, giet der in alarm as syn sûker te heech of te leech is. ‘Ilan voelt het zelf nog niet zo goed aan.’ Omdat Ilan noch jong is, komt alles op syn heit en mem oan. It is in hiele toer om dêr in wei yn te finen. ‘Het is spannend, je bent bang. Doen we het wel goed?’ De ympekt is enoarm. As Ilan bûten boartet is it altyd yn de buert fan syn hûs. Syn mem hâldt him goed yn ’e gaten. By in freontsje thús boartsje is lestich. Se krije it foar de kiezzen, de âlden fan Rianne en Ilan. En de bern sels ek. Kontakt mei bern dy’t ek diabeet binne

of mei minsken dy’t witte wat it ynhâldt, is fijn. Rianne hat oan in clinic fan de Bas van de Goor Foundation meidien. Ilan hat sûkelade makke mei in aktiviteit fan DiaFrys (sjoch kader). ‘Er waren nog meer kinderen met diabetes’, wie de reaksje fan Ilan doe’t er thúskaam. En ek foar Rianne wie it in ferromming om net de ienichste mei diabetes te wêzen.

www.diafrys.nl www.bvdgf.org

Yn DiaFrys wurkje de diabetesteams fan de fiif sikehuzen yn Fryslân gear. DiaFrys biedt 24/7 soarch foar bern mei diabetes. Bûten kantoaroeren is altyd in bernedokter berikber. DiaFrys organisearret ek edukative middeis en ynformaasjejûnen foar skoallen.

31



Bitter en zoet Op de onderzoeksbank ligt Melanie, een meisje van 5 jaar; ze is suf, bleek en hijgt. Ze was de afgelopen dagen hangerig en moe en dronk veel. Ze ging ook ’s nachts uit bed om water te drinken. Buurvrouw Sylvia, die diabetes (suikerziekte) heeft, hoorde dit en mat met haar eigen bloedsuikermeter het suikergehalte in Melanies bloed: veel te hoog. Daarom is Melanie naar het ziekenhuis gebracht. Melanie heeft een droge mond en vraagt telkens om water. Haar hartslag en ademhaling gaan te snel. Ze is bleek. Het past allemaal bij het begin van suikerziekte. Bij suikerziekte maakt het lichaam geen insuline meer. Insuline is nodig om de suiker uit het bloed de lichaamscellen in te laten gaan. In de cellen is suiker nodig als brandstof. Omdat de suiker niet in de lichaamscellen komt, ontstaan afvalstoffen waardoor Melanie sneller en dieper ademt. Het hoge suikergehalte van het bloed zorgt ervoor dat haar nieren te veel water verliezen. Daarom heeft ze een vochttekort en dat verklaart de snelle hartslag. Eigenlijk is haar hele stofwisseling van slag en als we daar niets aan doen, wordt dat alleen maar erger. Melanie krijgt een infuus om haar voldoende vocht te geven. Omdat de oorzaak van suikerziekte een tekort aan insuline is, krijgt ze dat ook via het infuus. Het herstel van de stofwisseling moet voorzichtig gebeuren en we ontkomen er niet aan Melanie regelmatig bloed af te nemen om te kijken of we goed zitten. Gelukkig blijkt dit het geval en na een paar dagen is Melanie hersteld.

Tjalling de Vries (1959) is sinds 1991 algemeen kinderarts in het Medisch Centrum Leeuwarden. Hij is getrouwd en vader van drie kinderen: Fedde (1991), Marga (1995) en Anne (1998).

Haar leven is voor altijd veranderd. Zij en haar ouders zullen rekening moeten houden met de suikerziekte. Ze zal het suikergehalte vaak moeten controleren. Daarvoor moet bloed worden geprikt. Melanie moet insuline krijgen, via spuiten of via een pomp. De ervaring leert dat kinderen daar snel aan wennen, ook aan het prikken. Regelmatig moet ze naar de kinderarts en de diabetesverpleegkundige voor controle. Ze zal rekening moeten houden met het eten en daarbij zal de diĂŤtist haar helpen. De psycholoog ondersteunt haar en haar ouders, want het leven met een chronische ziekte is niet altijd gemakkelijk. Diabetes is een chronische, levenslange ziekte die we (nog) niet kunnen genezen. Maar met hulp van deskundigen groeien de meeste kinderen met suikerziekte bijna normaal op. En Melanie? Na een paar weken weet ze niet beter dan dat het suikergehalte van haar bloed vaak wordt gecontroleerd en dat ze insuline krijgt. Nog meer dan anders trekt ze met buurvrouw Jannie op en als de ouders vragen hebben, weet Jannie vaak raad. Hoe moeilijk het soms ook is, met alle hulp gaan Melanie en haar ouders het wel redden.

33


In lichem en geast fol antennes Marieke Vinckers

34


Nachts heart se ferhalen út ’e keamer fan har lytse famke kommen. Se werkent de dingen dy’t oerdeis bard binne. ‘Jonkje fertriet’, heart se, en tinkt dan oan it televyzjeprogramma dat se tegearre sjoen hawwe, wêryn‘t in lyts berntsje gûle moast. ‘Mem baby yn ’e búk.’ Ja, dat wie noch wol it meast nuvere, dat koe se ommers net witte! Janny van der Veen (36) hie twa dagen dêrfoar de swangerskipstest dien en se wist sels noch mar krekt dat de twadde op komst wie. Mar Lieke, har famke fan 2,5 jier, dy hat antennes dy’t net elkenien hat. Dêr is Janny al lang achter. Bern dy’t heechsensityf binne, hawwe faak ekstra gefoel foar dingen dy’t oare minsken net sjogge of fiele. Dat Lieke har lytse hantsjes op ’e noch platte bûk fan har mem lei en sei dat mem in baby yn har bûk hie, wie dan ek echt sa nuver as wat. As Janny jûns nei har famke harket, dan heart se fan alles foarby kommen, Lieke sit fol ferhalen. Ja, mar dat hawwe alle bern dochs, soest miskien tinke. Jawol, mar sokke gefoelige bern hawwe wat mear tiid nedich om dingen te ferwurkjen. Belangryk is dan ek, dat se dy tiid en dy romte krije. Heechsensitivens Hurde lûden, in groepke bern dat gekjaget, in grutte stêd mei in soad minsken: it binne dingen dêr’t in heechsensityf bern net sa goed oer kin. Dy prikkels hawwe in gruttere ynfloed op har as op oare bern. Heechsensitivens is lykwols gjin sykte; it is in karaktertrek. It sit yn it aard. Dochs kin it wol ta problemen liede, op skoalle of thús, as der net rekken mei hâlden wurdt. It advys? Jou romte en rêst en sykje nei in goeie balâns. Krekt dat sykjen nei balâns is sa dreech, want dat is fansels foar elk bern wer oars en ek yn eltse situaasje wer oars. En, hoe kinst as âlder bepale wat no it bêste is? Do wolst dyn bern yn beskerming nimme, mar ek wer net te folle leuke dingen ûnthâlde. Moai bern Janny wit hoe lestich it soms wêze kin om goed om te gean mei dy ekstra gefoeligens fan Lieke. Se werkent sa’n soad fan harsels. As bern wie se sels eins wol in rêstich famke, mar alle yndrukken fan ’e dei

wienen faak sa oerweldigjend dat se it net direkt ferwurkje koe. ‘En dan koe it twa kanten op gean,’ laket se, ‘ik koe hiel drok wurde en dêrnei wie ik dan ek echt kompleet sloopt. Of ik waard hiel stil.’ No’t Janny itselde sjocht by har lytse Lieke, siket se nei in manier om har te begelieden en ja, toch ek wol, te beskermjen. Mar hoe dochst dat sûnder der te folle oandacht oan te jaan? Seist it bygelyks wol tsjin de juf fan it nije pjutteboartersplak, of just net?

Dat hat twa kanten: oan ’e iene kant is it moai om alles sa yntins te belibjen. Oan ’e oare kant kinne se harsels ek net ôfslute foar dy prikkels. It is der dus altyd. En binne der dan tefolle ympulsen achter elkoar, dan reitsje se letterlik oerprikkele. Foar in folwoeksene is dêr noch wol in paad yn te finen, mar foar in bern dat it allinnich mar fielt en der gjin wurden foar fine kin, is it wol wat dreger om dêrmei om te gean. In goeie begelieding is dan ek belangryk.

Der wurdt ek wol praten oer ‘nieuwetijdskinderen’, as we it oer heechsensitive bern hawwe. Sokke bern binne gefoelich foar wat der om har hinne bart. Gefoelens fan oare minsken of oare bern pikke se samar op. Se fiele wat in oar fielt, sûnder dat der fierder wurden oan te pas komme. It binne bern dy’t it hert as kommunikaasjemiddel brûke. En just dat yntinse gefoel, dy grutte antennes op ’e rêch sis mar, is wat it foar dy bern sa dreech makket om yn ús drokke maatskippij goed te funksjonearjen. Der liket ommers hast gjin tiid te wêzen foar it gefoel en we hawwe gjin rêst om ris nei te tinken oer wat de dei ús brocht hat. Der is gjin stilte om te fielen. En krekt fan dy rêst en dy stilte hawwe sokke bern sa’n soad ferlet.

Oerprikkele Janny wurket sels as maatskiplik wurker yn ’e soarch, dus se wit mar al te goed wat it betsjut as der in etiketsje plakt wurdt op in bern. Dus: wannear is it no in goed momint om te sizzen: ‘Myn bern is gewoan wat gefoeliger as in oar’? Want dat makket wol direkt dúdlik: dat is wat it is, mear moatst der ek net fan meitsje. Lieke is sa’n moai, leaf, fantasyryk famke dat each hat foar in oar. Se is allinnich in bytsje earder oerprikkele. Dat uteret him yn drokte, of soms begjint se samar te gûlen as der wat spannends bart. ‘Lêsten kamen de buorfamkes hjir om efkes mei Lieke te boartsjen. Dat fûn Lieke sa moai, se wie yn ien kear sa oer-entûsjast dat se net wist wat se mei dat gefoel dwaan moast. Se wie sa bliid en begûn fan ’e weromstuit te gûlen. Ja, dêr moat ik dy famkes dan wol efkes yn begeliede. Better dat se dan earst mar in rêstich spultsje dogge.’

Twa kanten Ien op ’e tsien oant fyftsjin minsken fan ’e befolking is heechsensityf (it wurdt ek wol HSP neamd: High Sensitive Person). De sintugen binne wat oars ôfstimd as by oare minsken. Fel ljocht, hurd lûd, sterke rook, stimmingen fan oaren of oanreitsjen komt by dy persoanen folle mear binnen.

Mear ynformaasje: www.lihsk.nl (Landelijk Informatiepunt Hoogsensitieve Kinderen). Dêr binne ek mear tips & advizen te finen foar thús en op skoalle.

35


36


Technasium Bogerman yn Snits

Foar t没ke jonges 茅n famkes

37


Nynke van der Zee

As wiere timmermannen slepe de learlingen fan it earste jier Technasium fan fuortset-ûnderwiisskoalle Bogerman yn Snits mei grutte platen tripleks troch it lokaal. Tûke fakmanlju en -froulju binne it. Der wurdt seage, timmere, soldearre en ferve, mar foaral in soad oerlein, ûndersocht en ûntwurpen. Want by it fak Onderzoek & Ontwerpen (O&O) giet it mar om ien ding: it bêste resultaat foar de opdrachtjouwer.

It is in drokte fan komsa yn it lokaal. Oeral binne de jonges fan 1TN1 oan it wurk. Jonges ja, want yn dizze Technasiumklasse sitte gjin famkes. Yn de duoklasse 1TN2 sitte wol froulju: seis mar leafst. ‘Earst sieten der ek trije famkes by ús yn ’e klasse’, fertelt Sietze (12) wylst er mei in rolmaat in stik hout opmjit, ‘mar se woenen leaver allegear byelkoar yn ien klasse.’ Hy lûkt de skouders op. ‘No nee, wy misse se fierder net hear. Dit is ek wol gesellich, allegear jonges.’ Wa’t it klaslokaal oersjocht, kin in goede ynskatting meitsje fan it type learling dat foar it Technasium kiest. Handige, mar boppedat foaral tûke jonges en famkes, dy’t feeling ha foar technyk. ‘Mar it giet folle fierder as allinnich handich wêze’, leit dosinte Mirjam Ganzevoort út. ‘Echte Technasiumlearlingen tinke yn bylden, yn boutekeningen. Mar se binne boppe-al

38

ynteressearre yn it komplete plaatsje. Fan de ûntwerpfaze en it materialeûndersyk yn it begjin oant en mei de presintaasje fan it einprodukt oan de opdrachtjouwer. It hiele ûntwikkelingstrajekt krekt as by in echt bedriuw, mar dan yn in streamfersnelling.’ It echte bedriuwslibben Tsien wike lang krije de learlingen de tiid om oan ien projekt te wurkjen. Alles moat yn dy tiid pland en organisearre wurde. It fak O&O kinne se letter dan ek goed brûke by it projektûnderwiis yn it HBO en WO, dêr’t in soad selsstannichheid en gearwurking frege wurdt fan de studinten. ‘En zo gaat dat later in hun echte werk in het bedrijfsleven ook’, knikt praktykdosinte Carin Boersma. ‘Voordat je een prototype voor je klant kunt maken, ben je wekenlang bezig met je onderzoek en ontwerp.’ Wurkje lykas yn it echte

bedriuwslibben, it Technasium kiest dêr bewust foar, om de situaasje safolle mooglik lykje te litten op de realiteit yn it wurkfjild.

Technasiumlearlingen tinke yn bylden, yn boutekeningen. Carin: ‘We doen projecten in opdracht van echte opdrachtgevers die een serieuze vraag of probleem hebben. Deze bedrijven verwachten van onze leerlingen dat er na tien weken een idee of product klaarligt, dat ze in de praktijk daadwerkelijk kunnen gebruiken. Dat maakt de opdracht extra spannend, maar tegelijkertijd ook ontzettend uitdagend.’ Op dit stuit binne de earstejiers


Technasiumlearlingen bygelyks dwaande mei it ûntwerpen fan in groepstinte foar Skouting Nederlân. In pear easken: de tinte moat sterk, wetterticht en grut genôch foar 20 minsken wêze, mar mei tagelyk net al te swier wurde. Noch in hiele útdaging! Presintaasjesenuwen Yn it lokaal njonken it wurklokaal sit Jacob (13) achter de laptop. Hy wurket oan it rapport dat alle wurkgroepkes byhâlde moatte fan it ûndersyks- en ûntwerpproses. Hiel sekuer fult er de resultaten yn fan de testen dy’t er mei syn groepke dien hat mei ferskate soarten stof. Dat ûndersyk is belangryk om úteinlik de juste stof út te kiezen foar it tinteseil. ‘Katoen wie hiel goed as it gong om it tsjinhâlden fan wetter en it foarkommen fan brân. Mar it wie wol wer hiel swier’, leit Jacob út. ‘Al dy

testresultaten ful ik yn, sadat we ús keuze letter yn de presintaasje útlizze kinne oan de opdrachtjouwer.’ Undersyk dwaan, in ûntwerp betinke, in boutekening op skaal meitsje en oan ’e slach yn it wurklokaal mei allerhanne masines; Sietze en Jacob draaie harren hân dêr net foar om. Mar de beide jonges wurde suver al senuweftich as se oan de einpresintaasje foar de dosinten en de opdrachtjouwer tinke. Safier is it gelokkich noch net. Fan ’e middei gean de jonges earst op ekskurzje nei seilmakkerij Sterk yn Snits. Sietze hat der sin oan. ‘It leukste is om mei de hiele klasse by in echt bedriuw te sjen. Miskien krij ik dêr wol nije ideeën, dy’t ik dan moarn yn ’e les fuort útwurkje kin. En dan mar hoopje dat se aanst ús tinte kieze.’

Technasium, wat foar dy? Sitsto yn groep 8 en bist nijsgjirrich oft it Technasium wat foar dy is? Bogerman yn Snits hâldt in oantal kearen yn ’t jier proeflessen. Dan kinst alfêst efkes yn it wurklokaal fan it Technasium koekeloere. En tink no net: dat is allinnich foar jonges, want ek famkes binne mear as wolkom! Benijd wannear’t de iepen dagen binne? Sjoch op www.bogerman.nl. Technasium Snits siket opdrachtjouwers! Dat de learlingen fan it Technasium yn Snits handich binne, mei dúdlik wêze. Mar no binne se noch op syk nei leuke opdrachten. Dus heiten en memmen: wurkje jim by in bedriuw dat noch in ynteressante opdracht op ’e planke lizzen hat? Jou jim op! It kin fan alles wêze. Technasiumdosint Jan Gerben de Vries stiet jim graach te wurd. Belje mei 06 29 09 23 46 of mail nei vrja@bogerman.nl

39


FRIES MUSEUM

It Fries Museum is foar Ăşs allegearre, as wy nei it logo sjogge. Mar hat it Fries Museum ek wat foar bern? Foar harren ferpakt it Fries Museum it sjen, neitinken en kreatyf wĂŞzen yn in moai kadootsje: de kunstkoters en de kinderkunstclub op sneintemiddei.

40


ek foar bern!

Kunstkoters en kinderkunstclub Op alle earste sneinen fan de moanne binne der berne-aktiviteiten yn it Atelier fan it Fries Museum. Dosinte Jikke van der Zee nimt de jonges en famkes mei it museum yn. Mei syn allen besjogge se in net alledeisk foarwerp dat in protte fragen opropt. Werom yn it atelier gean de bern dêr ûnder lieding fan dosinte Jikke mei oan ’e slach. Jikke befreget de bern oer wat se sjoen hawwe, set de bern oan ’t neitinken en besiket de fantasije op stoom te bringen foar wat dêrnei komt: it meitsjen fan in eigen ‘museumstik’ nei oanlieding fan wat dêr stie te pronkjen yn de museumseal. Dizze kear stiet de stok mei runetekens sintraal. Ienris werom yn it Atelier pakt Jikke de keunstboeken derby; Matisse, Picasso, der leit in hiele steapel. Troch fragen te stellen lykas: ‘Wat sjochst?’

en ‘Lykje dizze tekens ek op dy oare?’ en ‘Wat fynst fan de kleuren? wurde bern oantrune om noch better te sjen en te fergelykjen. Fragen’. Sa sjogge bern ynienen folle mear! De bern begjinne har eigen runetekens mei wasko te tekenjen. ‘It kin net ferkeard gean’, motivearret Jikke van der Zee entûsjast. ‘Meitsje mar in bibberjende lijn, in golvjende lijn … en wa wit noch mear?’ ‘In ferlyfde lijn’, ropt Femke. ‘Of een gloeiende lijn’, ropt Sebastiaan. En passant wurdt der in minyworkshop jûn oer it mingen fan kleur en dêrnei kinne de bern as skilders oan ’e slach mei kwaste en ferve, elk mei in eigen palet. Nei in oere giet de grutte glêzen doar fan ’t Atelier wer iepen en komme de kunstkoters en kinderkunstkluppers werom. Grutsk, mei in holle fol ynformaasje en in skilderij yn ’e hân.

Kunstkoters voor kinderen van 3-5 jaar 15.00 - 15.45 € 5,- + entree volwassene Kinderkunstclub voor kinderen van 9-12 jaar 13.30 - 14.30 € 7,50 Data de eerste zondag van de maand

41


‘ Nee, ik wil niet lezen, ik wil op de computer! ’ Jongens op (taal) achterstand?

Zou deze hartekreet zo van jullie zoon kunnen zijn? Hij is bij lange na niet de enige die er zo over denkt, zo blijkt uit onderzoek. Jongens waarderen lezen met een magere 6,4. Ze besteden hun tijd liever aan andere dingen, bijvoorbeeld aan computeren. Computergames scoren een vette 9. Jongens lezen minder dan meisjes en vinden lezen ook minder leuk. Ook komen ze minder vaak in de bibliotheek. Dat zijn enkele uitkomsten uit het onderzoek naar het leesgedrag van meer dan 30.000 basisschoolleerlingen (Monitor de Bibliotheek op school). Der binne twa kear safolle jonges as famkes dy’t oanjouwe dat se neat oan lêzen fine. Wa’t in soad lêst, is better yn taal, sa docht bliken út alle ûndersiken. Al earder wiisde in ûndersyk út dat bern dy’t op in heech nivo lêze, better skoare op de Cito-toetsen foar taal, wiskunde en stúdzjefeardigens. Dêrom wurdt lêsbefoardering, njonken it taalûnderwiis, in spearpunt op basisskoallen, mar ek yn it fuortset ûnderwiis. Jonges fertsjinje dus mear oandacht as it om lêzen giet. De heechste tiid om fierder

42

te ûndersykjen wat favoryt is, want dat is opfallend oars as by famkes!

kear yn ’e wike foar de lol in tal boeken lêze. Yn groep 8 is dat noch mar 23%.

In top 5 fan ûnderwerpen dêr’t jonges yn groep 5 graach oer lêze 1. Sport 2. Dieren 3. Grizelje 4. Oarloch 5. Humor As jonges âlder wurde, feroaret de folchoarder. En as it om soarten lêsmateriaal giet, lêze jonges - leaver as printeboeken, ynformative boeken, tydskriften of poëzy it leafst strips en lêsboeken.

Tips! Lêzen is leuk, mar allinne at it boek oansprekt fansels! Wêr kinst op lette asto foar jonges in boek keapest of ien lienst út de byb? De 7 ‘do’s’ foar jongeslêsboeken op in rychje: 1. Aksje en spanning! 2. In protte yllustraasjes yn kleur 3. Searjes 4. Net te braaf 5. Humor 6. Sjoch goed nei de leeftyd en it lêsnivo 7. Fansels: mei jonges yn de haadrol!

De top 5 fan famkes út groep 5 1. Dieren 2. Freonskip 3. Grizelje 4. Natuer 5. Mearkes (sprookjes) As famkes âlder wurde, ruilje se de mearkes en natuerboeken yn foar boeken mei humor en oer ferlyfd wêzen. Yn groep 5 is de lêsfrekwinsje it grutst. 73% fan de bern út groep 5 seit dat se in pear

Boeken Lytse Daan, de wrâldkampioen (10+) De aventoeren fan Auke / De avonturen van Auke (10+) Kampioenen fan FC Top (8+) De Grijze Jager (10+) Gladiator (10+) Dummie de mummie (8+) www.kunstvanhetlezen.nl www. gemeente.debliotheekopschool.nl


Meertaligheid, een uitzondering?

Integendeel! Opgroeien met één taal is eerder een bijzonderheid. Alleen al in Europa wonen 50 miljoen mensen die iedere dag twee of meer talen spreken. In de moderne taalwetenschap wordt er dan ook van uitgegaan dat de mensheid overwegend meertalig is. Veel mensen denken nog dat meertaligheid verwarrend is voor een kind en taalachterstanden kan veroorzaken. Maar voor dat idee is nooit bewijs gevonden. Alle kinderen zijn in staat meerdere talen te verwerven.

Moet je thuis de eigen taal spreken? Het is goed met jonge kinderen steeds dezelfde taal te spreken, zodat ze die taal goed kunnen leren. Als kinderen ouder worden zullen ze steeds meer Nederlands gebruiken. Hoe je daar als ouder mee omgaat, kan heel verschillend zijn. Belangrijk is dat ouders en kinderen een taal spreken waarin ze zich het beste kunnen uitdrukken. En wat als er in één gezin twee moedertalen zijn? Moeder een andere taal dan vader? Geen probleem. Probeer wel allebei consequent de beide moedertalen aan te bieden, dan leert het kind de talen makkelijker te scheiden. Wij hebben het idee dat ons kind slecht spreekt. Wat kunnen we doen? Raadpleeg een logopedist. Wacht daar niet te lang mee, want wat taalontwikkeling betreft zijn de eerste jaren kostbaar.

Leert mijn kind beide talen dan niet half? Zeker niet! Het taalontwikkelings­ vermogen van een kind is (meestal) ongelimiteerd. Wanneer het kind bijvoorbeeld een woord van de ene taal al kent, leert hij/zij het sneller in de andere taal. De talen zullen elkaar dus versterken. Onze peuter gebruikt beide talen door elkaar. Kinderen maken deze fouten over het algemeen tijdelijk en onbewust, ze zijn aan het experimenteren met de talen. Door zelf het goede voorbeeld te geven en de kinderen niet nadrukkelijk te verbeteren zal het kind de talen als ze ongeveer vier jaar zijn behoorlijk kunnen scheiden.

Wat doe je als kinderen de eigen taal niet willen spreken? Dit komt vaak voor. Kinderen zijn heel statusgevoelig. Als ze in hun omgeving en op televisie vooral Nederlands horen is de keus voor het Nederlands vaak snel gemaakt. Laat merken dat de moedertaal belangrijk is, dat het knap is om twee talen te spreken. Ga naar familie en vrienden die dezelfde taal spreken, zing liedjes en lees voor in de moedertaal.

Wij spreken Fries met de kinderen, is het verstandig om een Nederlandstalige kinderopvang of peuterspeelzaal te kiezen? Dit wordt vaak gedacht, maar is niet nodig en vaak zelfs af te raden. Door de dominante positie van het Nederlands hebben Friestalige kinderen vaak een breder aanbod in hun moedertaal nodig. Vooral in de eerste vier jaar, wanneer de taalbasis wordt gelegd. Veel aandacht voor het Fries op de peuterspeelzaal of kinderopvang draagt dus bij aan goede meertalige ontwikkeling. Voor àlle kinderen Een groeiend aantal peuterspeelzalen en kinderdagverblijven in Fryslân is Friestalig of tweetalig. Bij deze instellingen wordt veel aandacht gegeven aan taalontwikkeling, met specifieke aandacht voor de twee- of meertalige ontwikkeling van de kinderen. De instellingen worden beoordeeld op hun manier van werken en ontvangen een provinciaal certificaat. Fries-, Nederlands- of anderstalig: als u een peuterspeelzaal of een kinderdagverblijf zoekt voor uw kind, is het zeker de moeite waard een kijkje te nemen bij één van deze instellingen. De meest actuele lijst kunt u vinden op www.heitenmem.nl of op www.sfbo.nl.

Heet u na het lezen van dit artikel nog vragen? Neem dan contact op met de Afûk of het Sintrum Frysktalige Berne-opfang. Meer informatie over meertalig opvoeden: www.heitenmem.nl www.sfbo.nl/taalgroeimeter www.meertalig.2link.be www.bibliotheek.nl www.kindentaal.nl www.meertalen.nl www.ouders.nl www.tomke.nl

43


De draachdoek:

44

handich, feilich en komfortabel foar sawol 창lders as bern

Femke Jaarsma


Sjochst se hieltyd mear, draachdoeken en oare dragers. Foar guon âlders de meast praktyske, komfortabele en feilige manier om bern te ‘ferfieren’. Foar oaren ûnbekend terrein. De mieningen binne oer it algemien tige posityf, ôfgeand op de reaksjes dy’t Heit & Mem krige op de Facebook-oprop oer dit ûnderwerp.

Wichtich dat it bern goed sit Nijberne poppen meie al gau yn in draachdoek, mar wol mei it advys om se op de búk te dragen, mei it gesicht nei dy ta. Dan kinsto goed reagearje op sinjalen fan dyn poppe en hasto der goed sicht op, neffens Gré Kwakkel, mem fan fjouwer bern en draachkonsulint. Hja jout dêrby oan dat rêchdragen prima kin wannear’t dyn berntsje dêr oan ta is. ‘Het is heel persoonlijk. Ik begon met rugdragen toen mijn kinderen drie maanden oud waren. Een ander draagt tot anderhalf jaar op de buik.’ It is benammen wichtich dat in bern goed sit. Dat betsjut fan hokse (knieholte) oant hokse stipe, mei de knibbels heger as it kontsje, ek wol de ‘kikkerthâlding’ neamd. Neffens Geerte Teppema, mem fan trije en ek draachkonsulint, kinsto de measte dragers sawol op de búk as op de rêch drage. ‘Maar rekbare draagdoeken zijn niet geschikt voor op de rug, omdat kinderen zichzelf daar uit kunnen krijgen. Met een geweven doek kun je wel veilig op de rug dragen.’ Foar de foarfoarme drager jildt datsto dy sawol op de búk as op de rêch drage kinst. Beide froulju jouwe oan datsto drage kinst salang’t it bern goed yn de drager sit en it noch hieltyd noflik fynt. It foardiel fan in doek fynt Geerte datsto dy presys op it bern oanpasse kinst. ‘Maar je kunt dus blijven dragen tot je het zelf te zwaar vindt of je kind niet meer gedragen wil worden. Ik heb mijn kleuter van vier nog gedragen.’ Gré droech baby Merijn sels wol op ’e búk mei tagelyk soan Jelmer op ’e rêch.

Grietje Visser Doe’t ús famke noch in lytse poppe wie, die ik har gauris yn in draachdoek. Wy hawwe ek twa grutte hûnen en sa koe ik dochs noch in moai ein mei it spul om.

Esther Hofman Nu ik zelf draagdoekconsulent ben, ben ik veel bedrevener in het knopen. Ik vind het niet meer zwaar om te dragen en krijg geen last meer van mijn rug. Metje Ytsma De oudste zou er nog wel in willen. Hij is 8 jaar. Ik heb hem tot 7 jaar gedragen.

Ferkeard gebrûk kin gefaarlik wêze Binne der ek neidielen oan it brûken fan in drager? ‘Wanneer je je kind in een nietergonomische drager draagt, kan dit een nadelig effect hebben op de ontwikkeling van de heupgewrichten en rug van het kind.’ Geerte fertelt dat ek in lizzende hâlding of ‘kommahâlding’ yn in drager gefaarlik wêze kin. Njonken dat it praktysk is om dyn bern op ’e búk of rêch te dragen, is it in handich en feilich ‘ferfiermiddel’. Mar der binne mear foardielen. Geerte: ‘Het biedt een geborgen plekje voor je kindje en verder hebben baby’s die vaak moeten spugen minder last wanneer ze rechtop zitten. Dragen is ook goed voor de ontwikkeling van het evenwicht van het kind. En als je het goed doet, kan het bijdragen aan een goede ontwikkeling van de heupgewrichten, doordat de natuurlijke spreid-hurkhouding van het kind wordt gerespecteerd.’ Gré follet oan: ‘Ik vind een van de grootste voordelen van een drager dat baby’s minder last hebben van krampjes door het rechtop zitten tegen de buik aan, waardoor ze ook rustiger in slaap vallen. En in een drukke omgeving kun je je kindje op deze manier een beetje “afsluiten” voor alle prikkels van buitenaf.’

Richard Postma Us soantsje hie by de berte in hiele minne start. Yn it sikehûs seinen se dat it goed wie om it berntsje ticht tsjin dy oan te hâlden. Hy is no 1,5 jier en fynt it noch altyd prachtich om yn ’e doek te sitten.

Femke Steensma Ik draach myn soan fan 3 noch wol yn in draachdoek. Hiel handich yn it iepenbier ferfier. Ek op de frijmerk mei keninginnedei fyn ik it in útkomst.

Martine Elsinga Hast dyn berntsje tichtby, se hat minder lêst fan refluks en hast gjin enoarme duowein nedich asto ek in pjut hast.

Renate Cazemier Ideaal, want ús dochter woe oerdeis net yn har bedsje sliepe en yn ’e doek by mem wol.

Petra Laferte Ik wil het zo graag leren. Sufgeoefend. En nu hangt de doek aan de kapstok…

Yn in konsult by beide froulju wurde al dy foardielen útlein, en krigest tagelyk ek in knoopynstruksje foar de draachdoek of advys by it kiezen fan in drager. Bisto der net wis fan oftsto de draachdoek of in oare drager wol goed en feilich brûkst? Dan is in draachkonsult grif oan te rieden.

Geerte Teppema www.behaaglijkdragen.nl Gré Kwakkel www.draagdoekkindje.nl

45


Tsiis!

Hasto ek in moaie foto fan dyn bern? Sjoch op heitenmem.nl en upload dyn foto!

1

2 Foto 1 Dit binne Taede-Jan (26-04-2010) en Oane-Jan (27-02-2012). Se binne de grutste freonen (en broerkes) en kinne hiel moai tegearre boartsje. Dat begjint moarns betiid al! Foto 2 Nynke Boersma (10) út Friens op de keallekeuring yn Aldegea.

3

Foto 3 Jelte van der Schaaf, 9 moanne âld en altyd fleurich! Foto 4 Brend de Haan út Drachten, goed ynpakt, bûten is it kâld! Dikke pop…

5 4

Foto 5 Us trije lytse boefkes en grutte skattebekjes Jesse (5), Milan (4) en Amarins (1) út Feanwâlden. Foto 6 Jente Boek út Akkrum is bûten en drukt syn noaske tsjin it rút. Foto 7 Julia (7 mnd.) en heit Johan uit Sneek aan het spelen tijdens de eerste kerst met ons drieën. Extra bijzonder, omdat heit voor zijn werk als internationaal vrachtwagenchauffeur veel en vaak van huis is en zijn kleine famke dan enorm mist.

6

7

Foto 8 Mem (Marjon de Boer út Donkerbroek) hat wer ris in nije hobby…

8

10

9

46

Foto 9 Hylke Galema út Frjentsjer (fan 23 novimber 2012) mei graach gekke dingen dwaan. Hjir krûpt er dwers troch de tún en sa liket it krekt oft er út de koal wei komt. Foto 10 As it waarm is, kinst neffens ús dochter Elize van der Schaaf út Drachten mar it bêste yn ’e kuolkast sitten gean.


pake syn pop

‘Us âldste dochter Lutske wurket by in ferloskundigepraktyk op ’e Jouwer en dy hat my opjûn foar dizze rubryk,’ fertelt Marten Winia, ‘mar Thijn is de soan fan ús skoandochter Yvonne en ús soan Mark.’ Thijn is fan it begjin ôf oan sljocht op pake en pake op Thijn. Thijn moat noch twa wurde, mar kin al goed prate en rinne. As er binnenkomt, sjocht er óm beppe hinne en freget dan dalik ‘pake keamer?’ en as beppe antwurdet fan net, freget er ‘pake boppe?’, ferfolge troch ‘pake sliepe?’, ‘pake hok?’ en as pake dan nergens is, dan moat er wol yn 'e auto fuort wêze: ‘pake auto!’ Pake en Thijn kinne min sûnder inoar. Tongersdeis komt Thijn de hiele dei, mar tuskentroch komme se ek noch wolris eefkes byinoar del. As Winia allinne in dei oppast, draait er syn hân ek net iens om foar in skjinne pemper of in waarm hapke iten, út de magnetron, dat dan wol wer. ‘Thijn is in lytse hannebiner,’ fertelt Winia, ‘hy rint noait, hy draaft de hiele dei. Winia: ‘We lêze tegearre graach boekjes fan Jentsje en dan slacht Thijn de siden om, want hy wit krekt wannear’t it tiid is. En as de boeken út binne dan gean we nei de hinnen en de dowen yn it hok. De tommelers jout Thijn in hânfol foer. Hy wurdt net benaud as de dowen op syn holle of skouder sitten geane. Ek de hinnen fynt Thijn hiel moai, foaral as hy helpe kin by it sammeljen fan de aaien. Al sjocht er ek wolris beteutere as er per ûngelok in aai fynknypt; “fiis” ropt er dan, wylst de aaidjerre him tusken de fingers troch rint.’ Ynkoarten moat pake Winia de oandacht ferdiele: Thijn krijt der in broerke of suske by. Lykas by Thijn sil ‘tante Lutske’ dan ek wer helpe yn de kreamtiid. Pake en beppe sjogge út nei de komst fan dy sânde pake- en beppesizzer!

Namme: Marten Winia (71) en Thijn Winia (hast 2) Wenplak: De Lemmer Hobby’s: fytse, túnkje en sjonge by it Lemster Manljuskoar Bisto pake of beppe en wolsto ek meidwaan oan

Relaasje: 42 jier troud mei Annie Winia

dizze rubryk? Stjoer dan in foto fan dysels mei dyn pake- of beppesizzer nei: ynfo@heitenmem.nl.

47


Friesland Post is 40 jaar en dat vieren we graag met jou!

Wij trakteren je op een jubileumabonnement op de Friesland Post. Je ontvangt een jaar lang het meest gelezen magazine van Friesland in de bus voor slechts € 39,95!

Speciale jubileumaanbieding!

es i t i d e 2 1 slechts

€39,

95

l € 51,-

Normaa

Friesland Post is hét magazine vol boeiende reportages, foto’s, verhalen over het heerlijke (buiten) leven in het heitelân en interessante artikelen over bijzondere Friezen.

Het abonnement stopt automatisch na 12 edities (één jaar).

Aanmelden? Bezoek de actiepagina:

www.frieslandpost.nl/jubileumabonnement


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.