Issuu on Google+

GRATIS EN FERGEES me i y m ni m

Mei de niJSte FrYSKe BOeKen!

PeSten

yn d e d igit a le wr 창 ld

KOM nAAr de heit & MeM-BeUrS! 25, 26 & 27 oktober

NR. 03 - 2013


de Zorg van één Kraamzus t 0513 418888 • www.kraamzus.nl

Catalpa Catalpa Kinderopvang Kinderopvang Meertalige kinderopvang, Fries en Nederlands!

Meertalen nu – meer kansen voor later Op onze gezellige locaties krijgen kinderen de talen aangeboden oa door voorlezen, liedjes en gesprekjes. Het geeft een extra stimulans aan hun ontwikkeling. Juist daardoor krijgen zij iets extra’s mee voor later. T 0800-0743 (gratis), www.catalpa.nl


33


ke v a n dieuw

ee der M

r

tjallin

Redaktrise Dieuwke van der Meer sammelet altyd de bernepraatsjes (side 25).‘Machtich fyn ik it, dat bernepraat! It komt geregeld foar dat der wer in leuk bernepraatsje yn myn mailboks foarby komt en ik heal ûnder it buro lis fan it laitsjen. Hoe komme se derop! It is ien fan myn favorite rubriken fan dit blêd. Wisto dat de bernepraatsjes ek werom te finen binne op www.heitenmem.nl? Do kinst dêr de grappige praatsjes fan dyn bern ek efterlitte! Dochter Maaike (13 moanne) har fokabulêre bestiet oant no ta noch út wurden lykas pop, op, heit, mem en beeeh. Mar ik kin hast net wachtsje. Ik ha pen en papier al by de hân…’

Ci s k a

m noord

ans

Redaktrise Ciska Noordmans: ‘Hynsteriden en spegeljen mei hynders kin foar elkenien learsum wêze, ynsjoch jaan yn eigen gedrach en wize fan kommunisearjen, dat wit ik no’t ik by soarchbuorkerij Donia State Wester yn Spannum west ha. Bern mei in foarm fan autisme leare dêr in soad fan. Ik mocht it sels ek eefkes besykje; hiel ferhelderjend.’ It ferhaal fan Melanie en fjordeponny Ulrike fynst op side 38.

r Mulde Auk je Onze vaste gastredacteur Aukje Mulder schreef over een bijzondere cursus voor peuters (pagina 8) ‘Met zijn meren, sloten, vaarten en vijvers is Friesland een echt waterland. Daaraan kleven ook risico’s: een kind te water is de nachtmerrie van elke ouder, en helaas is verdrinking de belangrijkste doodsoorzaak bij jonge kinderen. Nieuw is de cursus “Overlevingszwemmen voor peuters”. Bijzonder om te zien dat kleintjes vanaf 2 jaar al kunnen leren om zich zelfstandig te redden na een val in het water. Ik sprak met een zwemjuf in Wolvega. Zij heeft een heel persoonlijke reden om deze cursus te geven.’

r ie g de V

s

Tjalling de Vries is de fêste kollumnist fan Heit & Mem en bernedokter yn it MCL. ‘Neidat ik myn oplieding ta bernedokter ôfrûne hie, wie de fraach oft ik yn in universitêr sintrum wurkje woe of dochs leaver yn in “gewoan” sikehûs. By eintsjebeslút ha ik der foar keazen om nei in Frysk sikehûs te gean. Yn in universitêr sintrum hawwe de bern faak komplekse sykten en binne der in soad dokters by belutsen. Myn foarkar giet út nei in lytser sikehûs, dêr’t ik folle mear kontakt ha mei bern en âlders. Guon folgje ik jierrenlang en ik meitsje fan alles mei harren mei. Dat jout it wurk in ekstra diminsje én in protte ynspiraasje.’ Mear lêze? Sjoch gau op side 33.

Kolofon Korreksje: Ytsje Steen-Buwalda info@sekuer.nl redaksje Carolien Hoekstra Ciska Noordmans Dieuwke van der Meer Aukje Mulder haadredakteur: Ernst Bruinsma Meiwurkers: Aukje Mulder Maaike Kuipers Nynke van der Zee Thea van der Schaaf Tjalling de Vries Richard de Boer Marrit de Schiffart

4

redaksje-adres/ útjouwer: Afûk Postbus 53 8900 AB Ljouwert www.afuk.nl e-mail: ynfo@afuk.nl / ynfo@heitenmem.nl tel.: 058 - 234 30 70 Printwurk: Senefelder Misset, Doetinchem www.senefelder.nl info@senefelder.nl tel.: 0314 - 35 55 00 Yllustraasjes: Natascha Stenvert (side 36)

Foarmjouwer: BW H ontwerpers www.bwhontwerpers.nl info@bwhontwerpers.nl tel.: 058 - 213 35 43

distribúsje: Heit en Mem wurdt fergees ferspraat yn in oplage fan 50.000 eksimplaren. Der wurdt wurke neffens in redaksjestatút dat boarch stiet foar de ûnofhinklikheid fan de redaksje.

Fotografy: Het Hoge Noorden www.hogenoorden.nl info@hogenoorden.nl tel.: 058 - 215 79 66

Dizze Heit en Mem is it tredde nûmer dat yn 2013 ferskynt fan dizze rige. Heit en Mem is in meartalich tydskrift en spesifyk rjochte op âlders mei bern yn Fryslân. Heit en Mem is fergees te krijen by boekhannels, bibleteken, gemeentehuzen en yn oare iepenbiere romten. Sjoch foar de ferspriedingslist op www.heitenmem.nl.

Fotografie Lydia www.fotografielydia.nl info@fotografielydia.nl tel.: 06 - 25 135 898

Abonnemint Mei in abonnemint op it blêd Heit en Mem wurde jo foar € 10,trije nûmers tastjoerd. Sjoch op www.heitenmem.nl foar mear ynformaasje.

Marjan Beukers (side blotevoetenpad Wielenwille)

ISSN: 1878-4437 Heit en Mem kinst ek folgje fia: Utjûn mei stipe fan de provinsje Fryslân.


Ynhâld nr. 03 08

Overlevingszwemmen voor peuters

18

Kribelkiste

38

Hynders en autisme

24

It bleatefuottepaad

04 Kolofon

25

Bernepraatsjes

06

Heit & Mem Post

26

Moanne fan it Fryske Boek

08

Overlevingszwemmen voor peuters

33

Kollum Tjalling de Vries

11

Swier & Swiet

35

Kollum Richard de Boer

12

Draachmemmen

36

Cyberpesten

14 Bern

38

Hynders en autisme

16

HEIT&MEM-Beurs

40

AlvestĂŞdetocht mei taalhindernissen

18

Kribelkiste

42

Laaggeletterdheid

20

Yn ferwachting

44

Meihelpe

22

Woudagemaal

47

Beppe har pop

03

Spreuktegel

5


heit & MeM POSt Wolsto wat oan ús kwyt? In bysûnder ferhaal, in moaie foto, in goeie tip of gewoan dyn miening ergens oer? Mail it ús of stjoer it op! ynfo@heitenmem.nl Heit & Mem Postbus 53 8900 AB Ljouwert. Of sykje ús op fia Twitter of Facebook.

57% fan de Bern fan de heitenmem.nlBesiKers hat in allergy. voor altiJd dicht BiJ miJ Befalle op it wurK Dit is Mirthe Koster (oktober 2012) út Bitgummole. Mirthe har mem wurket op de kreamôfdieling fan it MCL as fasilitêr meiwurker. Mirthe is ek berne yn it MCL, mei in keizersnee. No mocht mem it sels ris meimeitsje hoe’t it is om yn in sikehûsbêd te lizzen, by de kollega’s. Poerbest befallen!! Nochris bedankt leave kollega’s! Jannie de Haan

op de cover Op de cover stiet Jasmijn van der Smaal út Ljouwert. Jasmijn is 10 jier en sit op de Wynwizer. Jasmijn is gek op hynsteriden en lêst ek wol boeken oer hynders. Hiel soms lêst se in Frysk boek. No tafallich krekt ien oer in hûn. Se fûn it bêst wol in bytsje spannend om op de foto, mar ek superleuk dat se op de cover stiet fan Heit & Mem. Se wol letter nammentlik neist sjongeres ek fotomodel wurde.

“en dan zien we op de monitor dat het hartje van ons kindje niet meer klopt…” Myn namme is Thea Jurina, mem fan Lukas en Ruben en ‘bonus-mem’ fan de twa jonges fan myn partner Steven. Ik wenje oan ’e râne fan Ljouwert. Ferline jier makke ik in miskream mei en doe’t ik dat mei de minsken dielde, fernaam ik dat der noch altyd in taboe rêst op it praten oer sa’n ferlies. Dêrom ha ik in persoanlik boek skreaun oer hoe’t ik dêrmei omgongen bin. Myn partner ha ik ek frege om foar it boek syn erfaringen te beskriuwen. Dêrtroch is it in bysûnder boek wurden, mei in soad fertriet yn it begjin, mar ek seker mei in bliid ein. Ast mear witte wolst oer dat boek kinst ris sjen op myn website: www.theajurina.nl. Thea

tegearre… Do bist noch sa lyts mar dochs myn grutste besit. Tegearre sille wy it dwaan moatte tegearre sille wy de wrâld ferkenne, al moat ik dêr wol efkes oan wenne Allinnich sil ik heit en mem wêze moatte Mar allinnich sil ik net wêze want tegearre…… is nammentlik net allinnich. Hendrika Akkerman

6


verrassing!

wat & hoe? Mette Mare har mem is Frysk oan it learen. It giet al hiel goed. Gelokkich hat se help fan Mette Mare dy’t har hjir op de foto efkes oan it oerhearren is.

Op deze foto zijn mijn zusje Dieuwke en ik samen 62 weken zwanger, beide van een zoon. Ik ben hier 34 weken zwanger van mijn eerste kindje, zij 28 weken van hun derde kindje. Dieuwke haar beide eerdere zwangerschappen eindigden in de 30ste week (Faylinn 15-02-2009*, Fender nu 2,5 jaar). Hier zijn, ondanks dat ze zelf een fotostudio aan huis heeft, dus weinig buikfoto’s van. Daarom deze foto, om haar en haar man Gerrit, die de foto maakte, te verrassen. ntijn zijn Vale Intussen neefje n ij z ter en ie P k ri d ren. He n ter gebo d. Noud Pie goe aken het Beide m

Klaasje Tjoelker

Anny de Boer-Jongedyk

poppe fan de moanne!

Lisanne Brouwer (1 dei) út Makkum

maaie

BedanKt! Yn febrewaris bin ik nei 35 wiken swangerskip befallen fan in twaling, in dochter en in soan. Dat wie in hiele ferrassing, want wy hienen ek al trije bern. In soan fan 12, in dochter fan 10 en in dochter fan 6 jier. De hiele poppe-útset ha ik krigen fan minsken dy’t noch wol wat oerhienen, want ik hie dat fan ússels al lang fuortdien. It is echt geweldich dat elts sa mei ús meilibbet. Bedankt! Tjitske Kootstra, Bûtenpost

Juny

July

Jinse Andries Brak

Fedde Hellingwerf

(2 moanne) út Sânhuzen

(4 wike) út Rinsumageast

Fynsto dat dyn soan, dochter, beppesizzer, omkesizzer, buorjonkje of buorfamke ek de moaiste poppe fan de wrâld is? Mail dan in foto nei ynfo@heitenmem.nl en wa wit stiet dyn foto in skoftsje letter as poppe fan de moanne op heitenmem.nl en krije jo it nijste Fryske berneboek tastjoerd!

7


Aukje Mulder

Kind te water: de schrik van elke ouder Het gevaar ligt altijd op de loer. Of het nu een sloot is of de eigen tuinvijver, in een onbewaakt ogenblik kan een kind zomaar in het water belanden. Dit gebeurde ook Anna de Jong uit Balk, die gelukkig met de schrik vrijkwam. Voor haar moeder Joke was die gebeurtenis aanleiding om een cursus overlevingszwemmen voor peuters op te starten in Wolvega.

Zomer 2011. Joke de Jong maakt samen met haar beide kinderen een wandelingetje in haar eigen wijk. De baby heeft ze in een draagzak op haar buik. Vóór haar rijdt dochtertje Anna (dan 2,5) op haar fiets met zijwieltjes. ‘Zij wilde me laten zien hoe snel ze kon en racete bij mij vandaan. Maar ineens, van het ene op het andere moment, zag ik haar niet meer.’ Joke kan zich elke minuut nog voor de geest halen. ‘Anna was in de vijver gefietst, een eind verderop. Gelukkig zat er een jongeman te vissen. Hij zag haar kopjeonder gaan en rende naar haar toe. De kant was steil en ze klampte zich instinctief aan het waterriet vast. Hij kon haar vrij snel uit het water trekken. Ik stond te trillen op mijn benen. Anna was natuurlijk geschrokken, maar hield er uiteindelijk niets aan over. Ze werd zelfs niet bang voor water, ze is inmiddels een echt waterratje.’ Eigen ervaring Als zweminstructrice had Joke ooit iets gelezen over overlevingszwemmen voor

8

peuters, op dat moment een nog onbekend fenomeen in Friesland. ‘Peuters van twee en een half tot vier jaar kun je al zelfredzaam maken. Trappelbewegingen met de benen, peddelen met de armen, drijven, zich ergens aan vasthouden en zelfstandig naar én op de kant komen, het is ze allemaal te leren. Ik besloot me hierin te verdiepen, want ik wilde iets doen met mijn eigen ervaring.’

Met jas, muts en sjaal het water in. We zijn twee jaar verder en in zwembad De Steense in Wolvega geeft ‘juf Joke’ inmiddels de cursus overlevingszwemmen voor peuters. Haar leerlingetjes dobberen aan de kant, gehuld in zwemvesten. Juf Joke, ook in het water, laat de kinderen in tweetallen oefeningen doen, haar collega Grietje van der Luik staat op de kant. Mocht er meer uitleg nodig zijn, dan neemt Grietje

een kind even apart op het droge. Ouders zijn er niet bij. Een bewuste keus, omdat de kleintjes zich vaak te veel aan hen vastklampen. Naar ‘het diepe’ ‘Voor overlevingszwemmen moeten de kinderen al watervrij zijn. Ik haal ze op uit de kleedkamer en hand in hand lopen we naar het ondiepe bad voor allerlei waterspelletjes. Een paar lessen verder ga ik met ze naar “het diepe”. Na een paar maanden laat ik de peuters ook gekleed oefenen, soms zelfs met jas, wanten, muts en sjaal. Op die manier bootsen we zoveel mogelijk de werkelijkheid na.’ Myrthe Postma (2,5) doet sinds twee maanden mee. ‘Ze is gek op zwemmen,’ vertelt haar moeder Mariëtte, ‘terwijl ik er zelf niet van houd. Babyzwemmen heb ik daarom overgeslagen en in plaats daarvan hebben we Myrthe voor deze cursus aangemeld. We vinden dat belangrijk. Mijn vader heeft een boot en we varen regelmatig een dagje mee.’


‘Ze vindt de cursus geweldig en vraagt vaak of het nog geen donderdag is, want dan mag ze weer naar het zwembad. Daar springt ze bijna de auto uit en rent naar binnen. Deze cursus is echt aan haar besteed. In het begin moest ze even de kat uit de boom kijken, inmiddels is ze nergens meer bang voor. Ik ga hiermee door tot Myrthe op zwemles kan. Ons zoontje Sem is nu nog maar vijf weken, maar hij is straks ook kandidaat voor overlevingszwemmen.’

Glimmende oogjes door mix van plezier en spanning.

opening, rollen de kinderen het water in. ‘Wat doe je het eerste als je boven water komt?’ vraagt Joke. ‘We roepen “help, juf”, “help, mama”, “help, papa”. We gaan hard schreeuwen. En we houden ons ergens aan vast’, antwoorden de kinderen. ‘Daarbij leer ik ze om vooral rustig te blijven’, zegt Joke. Als de kinderen eraan toe zijn, mogen ze zonder zwemvest het water in. Zelfs het drijven op de rug gaat na verloop van tijd goed. De opmerking ‘Je kunt dan geen

water in je mond krijgen!’ trekt ze over de streep. Joke: ‘De oefening met twee peuters in de opblaasboot is altijd pret. Ik vertel ze dat er een héle grote golf aan komt. Hun oogjes beginnen te glimmen, je ziet een mix van plezier en spanning, omdat ze weten dat ik de boot ga omduwen. Als ze zelf naar de kant komen en uit het water klimmen, krijgen ze van mij natuurlijk complimentjes. In de loop van de cursus zie je die kleintjes groeien. Ze leren alles op een speelse manier, maar na een val in het water weten ze zich te redden.’

Rustig blijven In de vorm van een verhaaltje geeft Joke de peuters een opdracht. ‘Je mag schaatsen op de ijsbaan, maar je valt in een gat. Laat maar zien wat je dan doet.’ Vanaf een drijvende mat met daarin een

9


De onderwijsbegeleidingsdienst voor alle vragen van ouders en school rondom leren en opvoeden

Ideeën en resultaten www.cedin.nl

HEIT EN MEM def. 100x64.indd 1

Afûk Fryske kursussen

14-5-2013 14:20:50

Lear Frysk ferstean, lêzen, praten of skriuwen op in noflike wize: thús online, skriftlik of yn groepsferbân. By de Afûk fine jo altyd in kursus dy’t by jo past. Sjoch foar mear ynformaasje op www.afuk.nl of belje 058-2343079.

Voedings- en gewichtscoach Corrie Nauta Op een verantwoorde manier afvallen. Voor kinderen en volwassenen. Zeer voordelige tarieven. Consulten ook mogelijk op zaterdag of ’s avonds

Skier 2, 9271 HJ De Westereen, 0511-447812, 06-19152850

www.corrienauta.nl

Nieuw van Isis ZwangerschAppAssistent

Jouw coach rondom de kraamtijd T 088 512 2000 • www.isiskraamzorg.nl

isis ADV 204 x 64_hait en mem_v120221_DEF.indd 1

 in de App Store op Android Market

21-02-12 14:24


Swier & Swiet 100% rubber

ColorCap Miskien komt it dy wol bekend foar. Do rinst mei dyn poppe yn de Maxi-Cosi troch de stêd en dan skynt ynienen de sinne rjocht yn it gesicht fan dyn lytse sprút. Ferfelend! Gelokkich is dêr in moaie oplossing foar. Sjoch marris op sibble.nl. Dêr fynst hiele moaie fleurige sinnekappen, spesjaal foar op de Maxi-Cosi. En it leuke is: kinst se oan beide kanten brûke!

It is miskien efkes wennen omdat it der wat oars útsjocht, sa’n styk fan 100% rubber, mar út ûndersyk blykt dat lytse poppen leaver op sa’n rubberen styk sobje as op in ‘gewoanen’. Dêrneist is it better foar de natoer, is de styk hygiënysker (gjin naden), ergonomysk foarme en frij fan nuvere stoffen. Sa’n styk is ûnder oaren te bestellen by www.ikbenmama.nl

Van chaos naar geluk Het eerste jaar moederschap is een tijd waarin je behoorlijk moet wennen aan je nieuwe rol. Het is echt niet allemaal een roze wolk en je hebt veel vragen. Luister je naar de ‘experts’ of andere moeders of naar je eigen gevoel? Hoe zit het met vaccinaties? Is borstvoeding echt zo belangrijk? Geef ik mijn kindje de voeding uit de gewone supermarkt? Uitgebreide interviews met deskundigen en veel herkenbare verhalen van moeders net als jij, om je zo te helpen met eerlijke en waardevolle informatie. € 19,95

Vlaggie Ast krekt in poppe krigen hast, dan is der neat moaiers as de namme fan dyn poppe yn it grut op te hingjen. It leafst fansels foar it rút, sadat elts sjen kin watfoar moaie namme at jim wrâldwûnder krigen hat! Fia www.vlaggie.nl kinst de flachjes yn ferskillende kleuren bestelle.

Becopotty Als je kunt kiezen tussen een gewoon plastic plaspotje en een milieuvriendelijk potje, gemaakt van plantaardige restmaterialen van bamboe en rijst, dan kies je natuurlijk voor het laatste! Het plaspotje is ergonomisch ontworpen, de hoge rug geeft extra steun en de spatwand aan de voorkant zorgt ervoor dat alles lekker schoon blijft. Het potje is heel sterk en duurzaam en tegelijkertijd biologisch afbreekbaar. Je kunt met je kindje afspreken dat je het potje samen met hem begraaft als hij/zij zindelijk is. Het potje composteert pas als het in de aarde begraven is. Dit duurt ongeveer 2 à 3 jaar. Tip: Boor een paar gaatjes in het potje zodat het water er in de grond ook doorheen kan. Je kunt er ook wat zaadjes bovenop planten, dan voedt het potje de zaadjes en groeit er iets boven het potje! Leuk toch?

11


Maaike Kuipers

Ester wie draachmem foar har skoansuske ‘Dit is voor ons beiden het meest bijzondere dat we ooit hebben gedaan’ No sa’n fiif jier lyn beslute Karin en har man Joop dat se tegearre graach in berntsje ha wolle. Hoewol’t se beide al bern ha út in earder houlik, is dat harren grutste winsk. Mar dan slacht it needlot ta: Karin krijt limoerhalskanker en har limoer moat fuorthelle wurde. In dream feroaret yn in nachtmerje. No, fiif jier letter, kinne Karin en Joop harren lok net op. Se binne ôfrûne hjerst de grutske âlders wurden fan in prachtich en sûn jonkje, Sybren. Dat alles mei help fan Karin har skoansuske Ester, dy’t draachmem west hat. 12


‘Al vanaf het begin heb ik de gedachte in mijn achterhoofd gehad om draagmoeder te worden voor Karin en haar man’, fertelt Ester. ‘Toen ik eenmaal zelf moeder was, heb ik samen met mijn man besloten om draagmoeder te worden voor het kindje van Karin en Joop.’ Ester fertelde dat oan har broer en skoansuske, ien dei foardat dy op fakânsje giene. ‘Ik was verdwaasd, emotioneel en blij. Zou het dan na alle ellende van de bestralingen toch lukken om een genetisch eigen kindje te krijgen? Je begrijpt dat ik een torenhoge smsrekening had die maand.’ Ek al is it in bekende, it is fansels net samar wat as in oar dyn berntsje yn ’e búk hat. Mei syn fjouweren giene de twa stellen dan ek in spannende tiid temjitte. Nei allegear medyske ûndersiken en ferskate petearen mei psychologen en spesjalisten yn it VU Medisch Centrum yn Amsterdam krigen se yn de simmer fan 2011 grien ljocht. De embryo’s fan Karin en Joop mochten ferhúzje fan de friezer yn it sikehûs nei de búk fan Ester yn Fryslân!

Op in jûn fertelt Karin oan har jongste soan dat tante Ester yn ferwachting is fan syn broerke of suske. ‘Toen ik hem ’s avonds instopte in bed zei hij: “Ach mam, zaadje eitje? Appeltje eitje!” Wachtsje Doe’t Ester yn desimber 2011 in normale menstruaasjesyklus opboud hie, koe it earste embryo pleatst wurde. Tige spannend fansels, want it wie mar de fraach oft it lichem de útfanhuzer akseptearje soe. It lange wachtsjen begûn. Karin fertelt: ‘Toen ik op mijn werk midden in een vergadering zat, belde Ester. Met lood in haar schoenen vertelde ze dat

Yn dit ferhaal giet it om heechtechnologysk draachmemskip. Dat betsjut dat by Ester in embryo ynbrocht waard dat ûntstien is út in aaisel en in siedsel fan de winskâlders, Karin en har man. Ester is dus letterlik de draachmem en net de biologyske mem. Dat yn tsjinstelling ta leechtechnologysk draachmemskip, wêrby’t de draachmem wol de biologyske mem is.

ze ongesteld was geworden. Compleet knock-out geslagen ging ik terug in de vergadering. Weg roze wolk, weg concentratie.’ Ek Ester wie ferslein. Mei har fjouweren ha se alles relativearre, it wie ommers noch mar de earste kear. De twadde kear wie yn jannewaris 2012. Doe waard der wer in embryo pleatst by Ester. Yn ferwachting Febrewaris 2012. It wie safier. Ester wie yn ferwachting! ‘Toen ik het hoorde, ben ik heel hard gaan huilen’, fertelt Karin. ‘Alle emoties van de afgelopen tijd kwamen eruit. En wat waren we alle vier ontzettend blij!’ Dy jûns ha Karin, Joop, Ester en Bub elkoar daliks opsocht. ‘Ik was zo trots op Ester. Ik kon mijn ogen niet van haar buik afhouden’, fertelt Karin. Hoewol’t Ester yn de perioade fan har swierwêzen faak mislik wie, is alles sûnder problemen ferrûn. ‘Wel heb ik de hele zwangerschap veel afstandelijker beleefd dan toen ik zwanger was van mijn eigen dochter.’ Dêr wie se ek wol bliid om, want se moast nei 40 wiken dochs ôfstân nimme fan har “afbakneefje”, sa’t se him grutsk neamt. Yn de njoggen moanne fan de swangerskip ha Ester en Karin alle dagen kontakt hân. ‘We hebben echt over alles gesproken, van praktische zaken, zoals een bankrekeningnummer voor de extra kosten die Ester maakte, tot aan de gevoelens en gedachten van beide stellen.’ Beide ha se net ien kear spyt hân fan de kar dy’t se makke ha om dit te dwaan. ‘Natuurlijk heb ik mijn dikke buik gemist en heb ik zo nu en dan gepiekerd, maar hoe groter de buik van Ester werd, hoe beter ik alles kon loslaten’, seit Karin. ‘Ook alle kinderen en grootouders hebben we verteld over de logé in de buik van Ester.’ ‘Mijn vader was behoorlijk bezorgd en maakte zich ongerust over mijn gezondheid,’ fertelt Ester, ‘maar toen zijn

“kleinzoon” er eenmaal was, stond ook hij met tranen in zijn ogen en besefte hij hoe bijzonder alles is geweest.’ It moaiste momint Sybren is berne nei in dikke 38 wiken. ‘Tijdens de zwangerschap zat ik er wel eens over in of Karin, Joop en Bub wel op tijd in het ziekenhuis zouden zijn om de bevalling mee te maken.’ Lokkigernôch wiene se alle trije op ’e tiid. Nei in swiere befalling hat Sybren earst op de búk fan Ester lein om by te kommen. ‘Daarna hebben Bub en ik hem aan Karin en Joop gegeven. Eén van de mooiste momenten uit mijn leven.’ Ek Karin is noch hieltyd djip ûnder de yndruk fan de befalling. ‘Mijn eigen bevalling was bijzonder, maar ik hoop dat dit nooit meer uit mijn geheugen weggaat.’ No’t Sybren berne is, komt it juridyske ferhaal om ’e hoeke. ‘In Nederland is er geen duidelijke wet- en regelgeving rondom hoogtechnologisch draagmoederschap. Sybren is biologisch gezien van ons, maar in juridische zin van de draagmoeder en haar man’, fertelt Karin. ‘Daarom wordt er nu door de kinderbescherming een document opgemaakt waarin wij aangeven voogd te willen worden van Sybren, en Ester en Bub worden dan ontheven uit het ouderlijk gezag. De rechtbank doet hier dan een uitspraak over. Als Sybren één jaar is, komt het officiële adoptiemoment.’ Al mei al in perioade dy’t foar beide stellen de meast bysûndere en heftichste út harren libben is. In tiid fan spanning, mar ek fan rykdom en nei elkoar ta groeien. En fansels in ferhaal mei in ‘happy end’. Want se pronkje mar al te graach mei de lytse man en binne allegear like grutsk. It ferhaal fan Karin en Ester is te lêzen op www.kriebelbuiken.blogspot.com.

13


Bern pomp de luX Bisto ek sa gek op leuke betelbere bernekleanmerken? Sjoch dan ek ris op www.pompdelux.com. Dêr fynst prachtige berneklean yn de maten 80 o/m 152. Wolst de klean leaver yn it echt besjen of in ‘kledingparty’ fan dit merk by dy thús ha? Mail dan nei Theodora van Slooten út Holwert. Sy is bernekleankonsulinte fan dit merk. tsk@pompdelux.com.

planten plette! Soesto alle moaie simmerblommen wol foar ivich bewarje wolle? Droegje se dan tegearre mei dyn soan of dochter en meitsje der op in reinige hjerstdei moaie skilderijkes fan. € 5,95 fia ynfo@afuk.nl

geloK Unicef hat ûndersyk dien nei gelok. Wêr yn Europa fiele bern har it gelokkichst? Nederlân stiet nûmer 1, op ’e foet folge troch Noarwegen en Yslân. De bern yn Eastenryk, Grikelân en Hongarije binne it minst gelokkich. Der is û.o. sjoen nei materiële wolfeart, sûnens, feilichheid, ûnderwiis, gedrach en omjouwing.

fries museum Na de opening in september is er altijd wat te doen in het Fries Museum, van lezingen tot cursussen en workshops voor kinderen. Kinderen tussen 8-12 jaar kunnen zich opgeven voor de museumjeugduniversiteit . Kids only! www.friesmuseum.nl

14

app In leuke app foar jonge bern fan 3-7 jier dy’t skriuwen leare wolle: de app Letterschool. Bern leare boartsjendewei letters skriuwen. Se meitsje letters mei gers en meanmasyntsjes, rails en treintsjes, snoepkes, piipjende bannen, ensfh. Leuke hints, lûdseffekten en animaasjes soargje derfoar dat bern noait ophâlde wolle! De app is geskikt foar de iPad, iPhone en iPod touch. Sjoch op www.letterschool.nl.


Slim boodschappen doen Wist je dat er in één Snelle Jelle zeven klontjes suiker zitten? En wist je dat Sisi limonade gezoet wordt met cyclamaat, een synthetische zoetstof die eigenlijk niet zo geschikt voor kinderen is? En zo zijn er nog veel meer producten waarvan wij denken dat ze redelijk gezond zijn. Hoe maak je een gezonde keuze voor jezelf én voor je kinderen in de wirwar van producten in de supermarkt? Dat is niet zo eenvoudig. Ongemerkt bevat onze voeding veel suiker, vet of onduidelijke toevoegingen. Dikmakers dus en vooral erg ongezond! Om deze producten te vermijden, moet je onleesbare en onbegrijpelijke etiketten uitpluizen. Weet jij eigenlijk waar je op moet letten? Eibertje van Halteren weet dit wel en daarom schreef zij het boek waarvan de voedingsindustrie liever niet wil dat jij als consument het leest. Kijk voor meer informatie op www.eibertjekiest.nl

104 leerzame apps & sites Wisto dat al mear as de helte fan de trijejierrigen mei in tablet boartet? Hoe herkensto kwalitatyf goeie apps en sites foar bern? In antwurd fynst yn de brosjuere ‘104 leerzame apps & sites’. Tikje it boppesteande yn it sykfinster op dyn byldskerm en download fergees de brosjuere. Altyd handich!

1 dekbedovertrek in 4 stijlen Handig, zo’n dekbedovertrek dat je 4 keer anders op je bed kunt leggen! Zo heeft het dekbedovertrek een boven- en een onderkant die verschillen. Maar het is ook nog eens voorzien van een omslag met twee verschillende stoffen! Zo kun je altijd weer variëren. Deze dekbedovertrekken zijn in vele verschillende stijlvolle designs verkrijgbaar via www.sleepiez.nl

Jongens Waarom hebben mannen een lagere stem dan vrouwen? Door het hormoon testosteron groeit het strottenhoofd bij jongens in de puberteit. Door deze groei worden de stembanden opgerekt. De stembanden worden langer waardoor ze langzamer trillen en de stem lager wordt.

Krûpke? Bern stroffelje, knoffelje, botse en falle de hiele dei troch. Meastal skrikke se efkes en gean dan gewoan wer troch, mar somtiden binne se ûntreastber en moat der in pleister oan te pas komme. Yn Sweden ha se wat moais útfûn. In knuffelpleister! Earst plakst in gewoane pleister op it seare plakje en dêrnei plakst sa’n moaie knuffelpleister dêr boppeop! Of op in oar plakje dêr’t it berntsje by kin, dat kin fansels ek. Even krûpe mei de knuffelpleister en in dikke tút fan mem, dan binne de trientsjes gau wer fuort!

15


voor ’s, s r eu pa de b a’s, pa mam n oma’s e l l a se n opa’ d e re e ie r n o o en v wor d e e e nt je d ie e r

wil

beurs 25, 26 en 27 oktober yn it WTC Expo yn Ljouwert 16


heit & mem-Beurstas!

praKtisch!

WANNEER: vrijdag 25 oktober 13.00-22.00 uur

WAAR: ENTREE:

zaterdag 26 oktober 10.00-18.00 uur zondag 27 oktober 10.00-18.00 uur WTC Expo Leeuwarden Met bon is de entree € 6,50 en zonder bon € 8,50 Kinderen t/m 12 jaar zijn gratis Je kunt je kaarten ook online bestellen met korting via www.heitenmembeurs.nl

Op de Heit & Mem-beurs kinst ek in goodie bag krije. Dy leuke tas is spesjaal foar de beurs makke en sit fol mei ynteressante ynformaasje, koartingsbonnen en in tal ferrassings.

rs.nl u e B m e m n e it w w w.he

VOOR MEER IN

FO

goodie bag

gemaK!

• Der binne spesjale romtes om baby’s en pjutten te ferskjinjen • Der binne romtes om rêstich dyn poppe oan te lizzen of in fleske te jaan • De gongpaden binne rom! Twa buggies kinne inoar maklik foarby. Da’s handich! • Der is oppas foar de bern.

oersichtliK!

leuK!

De beurs is opdield yn pleinen op leeftyd fan de bern; der is • in plein foar stellen dy’t in lytse sprút ferwachtsje en âlders mei pjutten oant 1 jier • in plein foar heiten en memmen mei bern fan 1 oant 5 jier en • in plein foar bern fan 5-12 jier en har âlders.

Voor ‘heit en mem’ en bovenal voor de kinderen is er van alles te doen op de Heit & Mem-beurs: activiteiten rondom prentenboeken en voorlezen, sport en spel, een klimtoren van 7 meter hoog, speelveldjes, theater, workshops en nog veel meer. Natuurlijk zijn er ook standhouders waar je te kust en te keur kunt op het gebied van lifestyle, kinderkamers, kleding, speelgoed en bijouterie. Ze zullen je graag informeren en op de hoogte houden van de laatste trends en topics! Kijk op www.heitenmembeurs.nl, dan weet je nu al wat je kunt verwachten!

✁ € 2,00 korting*

Met deze bon krijg je € 2,00 korting op de toegangsprijs voor de Heit & Mem-beurs op 25, 26 en 27 oktober 2013. Je betaalt nu geen € 8,50 maar € 6,50! Vul de bon in, knip ’m uit en neem ’m mee naar het WTC Expo in Leeuwarden. Je kunt de toegangskaarten ook met korting bestellen via www.heitenmembeurs.nl. *Deze kortingsbon biedt korting voor max. 4 personen.

Wil jij Heit & Mem op de voet blijven volgen, schrijf je dan in voor de nieuwsbrief! Naam: E-mailadres: 17


Nynke van der Zee

Lekker kribelje mei de kribelkiste

Se steane der op kop en earen by as it deksel fan de grutte kribelkiste iepengiet. De bern fan bernedeiferbliuw It Krobbehiem yn Eastermar witte presys wat der yn de kiste sit. ‘Fan dy lytse fearkes’, seit Geert Petrus (3) mei glimmende eachjes. ‘En prikballen’, dûnset Anni (2) bliid om de kiste hinne. Der giet in wiere skatkiste iepen foar de pjutten. Tiid om lekker te kribeljen.

‘Sil ik dy fervje?’ Mei in dik pinsiel strykt Geert Petrus oer de earm fan liedster Douwina. Hy skatteret it út fan it laitsjen as syn buorman ûndertusken mei in sêft fearke oer syn wang kribelet. Anni hat in blauwe pom-pom út de kiste fiske en set dy boppe op ’e holle. ‘Sjoch, no ha ik nij kribelhier’, laket se en paradearret as in echt fotomodel troch de romte. De bern fine it prachtich om te ûntdekken hoe’t it fielt om mei mofkes oan ien oer it wang te aaien of mei in stikelbal oer har eigen skonk te rôljen.

18

En dat is krekt it doel fan de kribelkiste. Fiele hoe’t dyn lichem fielt. Taboe op oanreitsjen De kribelkiste is in metoade wêrmei’t bern oefenje yn it oanreitsjen en elkoar kribelje. Corina de Boer-Vreeke fan Children Connect jout workshops mei de kiste en leit út wêrom’t oanreitsjen wichtich is. ‘Elk minske hat der ferlet fan om in oar oan te reitsjen en om sels oanrekke te wurden. Dochs reitsje wy elkoar hieltyd minder oan. Troch gefallen

fan misbrûk, ûnder oaren by berneopfang, pjutteboartersplakken en yn it ûnderwiis, is it taboe op oanreitsjen yn de omgong mei bern noch fierder tanaam. Wylst bygelyks efkes in hân op it skouder foar in bern hiel wichtich wêze kin.’ Ek Janke Terpstra-de Boer fan It Krobbehiem fernimt hoe’t heiten en memmen hieltyd foarsichtiger wurde as it giet om lichaamlik kontakt tusken liedsters en harren bern. ‘Doe’t wy oan de âlders fertelden dat wy meidiene


Kribelje mei Tomke Sûnt koart is der de kiste “Kribelje mei Tomke”, spesjaal foar bern fan 0 oant 6 jier. Tomke, Romke, Kornelia en Yana Yu dogge foar hoe’tst massearje kinst. Yn de kiste fynsto bygelyks fielmaterialen, in hantlieding mei Fryske ferskes en rymkes, Tomke massaazjekaartsjes, in Tomke ferhaleboekje, piktokaarten, in cd en noch folle mear. Wolsto de kiste “Kribelje mei Tomke” ek by dy op it wurk ha? Nim dan kontakt op mei Corina foar de mooglikheden. Sjoch op www.childrenconnect.nl

oan in kursus Kindermassage wie de earste reaksje by de measte heiten en memmen ôfhâldend: net te yntym mei myn bern. En dat is ek wol te begripen nei de negative berjochten yn de media. Mar doe’t se begriepen wat krekt it doel fan de kribelkiste is, feroare de skepsis yn entûsjasme. Se sjogge hoe wichtich at fielen foar bern is en hoefolle wille at se ha mei it spul út de kiste. Foar bern is fielen in essinsjeel ûnderdiel yn harren ûntwikkeling.’

Foar bern is fielen in essinsjeel ûnderdiel yn harren ûntwikkeling. Selsfertrouwen en respekt Op de tafel yn ’e keuken fan It Krobbehiem stiet de nije kiste “Kribelje mei Tomke”, dy’t dy deis krekt binnenkaam is. Nijsgjirrich sneupt Janke yn de bak en hellet de piktokaarten der út. Dêr steane leuke oefeningen op dy’t bern sels dwaan kinne. Hierwaskje bygelyks, of tokkelje mei de fingers op ’e holle, krekt as krijst in dikke reinbui op ’e kop. ‘Dit soart oefeningen soene wy hjir prachtich dwaan kinne mei ús allen’, fynt Janke. ‘Dan bist tagelyk dwaande mei it oanwizen en beneamen fan lichemsdielen. Twa miggen yn ien klap.’ Corina hat al by ferskate basisskoallen op besite west foar in kursus Onderlinge

Kindermassage. ‘Dy bern binne wat âlder en kinne by inoar in massaazje jaan’, fertelt se. En dat is net allinnich goed foar de ûntspanning, it hat folle mear positive útwurkings. ‘Troch de massaazjes leare bern harren grinzen oan te jaan en de grinzen fan oare bern te respektearjen’, leit Corina út. ‘Sa wurkje se oan in posityf selsbyld en it lústerjen nei elkoar. Boppedat groeit it selsfertrouwen fan in bern en it ûnderlinge respekt yn de groep. Dêrtroch komt der mear rêst yn de groep en nimt pestgedrach ôf. Dat is fansels moai meinommen.’

Troch de massaazjes leare bern harren grinzen oan te jaan en de grinzen fan in oar te respektearjen. Wer oan ’t wurk Op It Krobbehiem wurde gjin massaazjes jûn, mar wurdt de kribelkiste geregeld út ’e kast helle. Sa bliuwt it elke kear in ferrassing. Nei tsien minútsjes gekribel mei fearkes, ferfkwasten en stikelballen hat Anni it lykwols wol wer besjoen. Sy giet nei de poppehoeke. Ek Geert Petrus lit de boel de boel. Hy faget syn hannen ôf oan ’e broek, en seit dan mei in koart knikje: ‘Sa, no moat ik wer oan ’t wurk, bûten op ’e trekker.’

Thús kribelje Lekker thús kribelje mei heit of mem is fansels it alderleukste. In pear tips. • Lit bern ûnder it foarlêzen de bewegings út it ferhaal fiele. Bygelyks by de reindrupkes op ’e holle, in beam dy’t omseage wurdt of in auto dy’t wosken wurdt. Wês kreatyf! • In ferske sjonge of in spultsje dwaan mei massaazje-oefeningen en kribeljen makket it ekstra leuk foar bern dy’t net sa goed stilsitte kinne. • In leuke oefening om te begjinnen is op ’e rêch tekenje en riede wat it is. In tekening meitsje, wurden of sifers skriuwe. In kribeljend keunstwurk. • Kribelje en massearje kin op de búk en de rêch, mar tink ek oan de fuotten en hannen. • Efkes tegearre kribelje is hiel geskikt om krekt foar bêdtiid te dwaan. It ûntspant, jout de gelegenheid om ta rêst te kommen en fersterket jimme bân.

19


Margriet Kampen-Anjema is 30 jier en 37 wiken yn ferwachting fan har twadde berntsje. Ditkear wurdt it in famke! Se wennet mei har man Jouke en soan Arwin Hessel (3) yn Anjum.

20


‘Se kin flink oanwêzich wêze!’ Margriet: “Wy krije in famke! Mei Arwin Hessel seinen wy dat wy it net wisten, mar no koe ik it echt net mear foar my hâlde. Ik wie al hiel gau yn ferwachting en dêrtroch wie it ek wol wat ûnwerklik. Mar dêr stie dochs echt in streepke op de test. Letter koe ik der net mear foarwei, want poeh, wat wie ik mislik! Dy mislikheid hat him de hiele swangerskip noch trochset. Ik ha in soad spuid, ha hiel wurch west en myn hb wie te leech. It is wol spitich dat je je sa min fiele, want dêrtroch ha ik net echt fan myn swangerskip genietsje kinnen. En wat is it dan fijn dat je in leave man ha en in geweldige mem dy’t yn de buert wennet. Gelokkich giet it no wol wat better. Ik woe eins yn Dokkum befalle, mar dat wurdt him spitigernôch net mear. Wy sille no nei Ljouwert ta te befallen. Dat is wol 45 minuten riden. Dus no mar hoopje dat dat goed gean sil! Myn earste befalling duorre wol 10,5 oere, mar in twadde befalling kin samar hiel oars gean. Mei de foarige swangerskip ha ik in boarstfiedingskursus folge, mar no ha ik neat dien om my ta te rieden. De boarstfieding is foarige kear net slagge, dat ik tink dat ik ús dochter no mar wer oan ’e flesse ha sil. Ik leau dat dit famke wat rêstiger is as ús jonkje doe wie yn de búk. Mar ik ha de plasenta no ek oan de

foarkant sitten, dus miskien fiel ik har dêrtroch ek wol wat minder goed. Mar se kin ek wol flink oanwêzich wêze, hear! Se hat my al in pear kear flink tsjin de ribben oanskopt, best pynlik! Har keammerke is klear, it kaartsje is útsocht, dat wat my oanbelanget mei ús famke hast wol komme. Somtiden mien ik dat ik noch fan alles dwaan moat, mar dat sil de oanstriid om te nesteljen wol wêze. Foarige wike krige ik ta myn fernuvering noch in babyshower! Der wienen allegear freondinnen en famylje by ús mem thús. It wie in grutte ferrassing. Sa leuk! Ik bin goed bedoarn mei allegear leuke kadootsjes. Us mem, myn suske en skoansuske ha dat foar my regele, om’t ik wat in minne swangerskip hân ha en om my op te fleurjen. Leaf, no? Ik sjoch hiel bot nei myn famke út. Ha der sa’n sin oan! Bin ek foaral benijd hoe’t Arwin Hessel op har reagearje sil.”

Wolst witte hoe’t de befalling gien is en hoe’t de dochter fan Margriet en Jouke derút sjocht? Gean nei www.heitenmem.nl foar it ferfolch! Bisto yn ferwachting en wolst ek meidwaan oan dizze rubryk? Mail in foto fan dysels mei in koart ferhaaltsje derby nei ynfo@heitenmem.nl

21


It Woudagemaal op ’e Lemmer

Tichter by de magy fan wetter en technyk kinst net komme Thea van der Schaaf

22


Bern en wetter, dat betsjut altyd wille. En wetter, dêr hawwe wy in soad fan yn Fryslân. Om der foar te soargjen dat wy dêr net té folle fan krije en mei de fuotten yn it wetter komme te stean, is der al sûnt 1920 it ir. D.F. Woudagemaal op ’e Lemmer, in stoomgemaal dat it tefolle oan wetter yn de provinsje de Iselmar ynpompt. Hoe wichtich it is om wetter op in saakkundige wize te behearskjen én dat wy dêr sels in rol yn spylje kinne, is te sjen en te belibjen yn it besikerssintrum. It útsicht fanút de Lemmer op it Woudagemaal is manjefyk. Je sjogge in steatlik gebou mei in histoaryske útstrieling, en op it dykje dêrhinne wane je je dan ek efkes werom yn 1920, doe’t it allegear betocht en makke is troch yngenieur Wouda. Oankommen by it gemaal, falt ynienen it supermoderne strakke gebou dêrneist op, it besikerssintrum dat yn 2011 iepene waard.

As it gemaal net draait meist oeral oankomme. It gemaal is yn wurking wannear’t it wetter yn Fryslân te heech stiet, wat it meast foarkomt yn de perioade fan oktober oant en mei april. It gemaal kin seis miljoen kubike meter wetter deis fuortpompe, dat is yn twa dagen tiid likefolle as de hiele ynhâld fan de Snitser Mar! Fansels is dat spektakulêr om ris mei te meitsjen. Mar ek wannear’t it gemaal net draait, is it de muoite fan in besyk mear as wurdich. Dan meist oeral mei de noas boppe-op om te sjen hoe’t alles wurket. Tichter by de magy fan wetter en technyk kinst net komme. Boppedat docht de 3D-film yn it besikerssintrum hast net ûnder foar de real-life belibbenis. Frijwilligers hjitte de besikers freonlik wolkom, litte harren frij it besikerssintrum besjen en steane klear sadree’t it loopke nei it gemaal op it

programma stiet. Dat se dêr wend binne om ynternasjonale gasten te ûntfangen is dúdlik. Alle ynformaasje is yn ferskate talen, fan it Frysk oant it Spaansk, te krijen en de meiwurkers sprekke dúdlike taal. Net allinne letterlik, ek de lytste details oer de technyske ynstallaasjes witte sy út te lizzen. Fan jong oant âld harkje besikers mei iepen mûle nei wat der sein wurdt. Wolst dyn bern entûsjast meitsje oer technyk, dan moatst hjir wêze. De heiten geane graach mei en ja, sels de memmen en pakes en beppes kinne harren fermeitsje op ’e Lemmer.

In diploma ‘helpmasinist fan it Woudagemaal’. Want neist dat der in soad te sjen is, is der ek in soad te dwaan, te fielen, en sels út te finen oer fan alles dat mei wetter en technyk te krijen hat. Mei kleuren, lûden, bylden en tekst wurdt op in ynteraktive wize ferteld oer wetter en technyk. Fan in leeftyd fan fiif jier ôf kin bern echt wat bybrocht wurde oer de wurking fan it gemaal. Ek foar skoalklassen is it poergeskikt, der is lesmateriaal ûntwikkele foar learlingen fan basis- oant en mei fuortset ûnderwiis, as tarieding op it besyk. Foar alle bern is der in speurtocht dy’t begjint yn it besikerssintrum en einiget by it gemaal. Wa’t dy goed folbringt, krijt it diploma ‘helpmasinist fan it Woudagemaal’, en wa wol dat no net?

23


it bleatefuottepaad Fiele, rûke, hearre en sjen… set dyn sintugen op skerp! Sweef tusken himel en ierde en lit dyn tinzen gean. Garânsje: komst hiel relaxed teplak. In bleatefuottepaad is in paad datst op bleate fuotten rinne kinste, mei ferskillende ûndergrûnen. Lit dyn teanen jubelje yn lekker sacht sân, blabze en oer de stiennen, banjerje troch it frisse wetter.

NIJ 28 septimber wurdt der in nij bleatefuottepaad iepene by de Lytse Wielen, ticht by Ljouwert. Dat paad, datst op bleate fuotten rinne kinste, hjit it Swartefuottepaad, nei de Swarte Wei, dy’t dêr eartiids lei en dêr’t it park no oan leit. Ast de rûte fan pealtsjes, poefkes en pompeblêden folgest, komst kikkerts yn alle maten tsjin, dy’t yn it ‘Amfibyparadys’ en op de útsjochheuvel bivakkearje. Underweis kinst mei in smartphone fi lmkes dellade en sjen hoe’t alles hjir mei grutte kranen oanlein is en wat dieren at hjir libje. Dêrfoar hat Wetterskip Fryslân de mobile webside www.kleinewielen.nl makke. Yn Fryslân is der noch in bleatefuottepaad; sjoch op www.blotevoetenpad.nl foar mear ynformaasje oer it ’t Blôde Fuottenpaad van De Pein nei Surhústerfean. Der binne mear yn Nederlân! Sjoch op www.heitenmem.nl wêr’tsto se fine kinste.

24


BernePrAAtSJeS Hat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei ynfo@heitenmem.nl.

Ivan (4) sil syn boksen efkes nei ûnderen dwaan en seit: ‘Sa, de fuotmouwen moatte ek wer even goed.’

Op skoalle is de klasse dwaande mei it nifeljen fan slakken. De earste slak is by Minne (4) gau ôfmakke, mar mei de twadde slak slagget it mar net om it húske goed fêst te plakken. Juf freget oft sy Minne efkes helpe moat. ‘Nee hear Juf!’ seit Minne. ‘Dit wurdt toch in naaktslak!’

Jorn (9) smeert een dikke laag pindakaas op zijn boterham. Mem vindt dat wel heel veel en zegt er wat van. Jorn lijkt het niet echt te begrijpen en vraagt waarom een dikke laag pindakaas op je boterham zo erg is. ‘Ik moet een beetje op de kleintjes letten’, zegt mem. Jorns broertje Jelle (6) lijkt het wél te begrijpen. ‘Ja, mem moet ook op mij passen!’

Timo (4) merkt op: ‘Toen Emie (syn nichtsje fan 4) en ik baby’s waren, hadden we net zulk haar als pake!’

Freark Jelle (2) stekt syn pink yn ’e loft en ropt: ‘Mem, der sit wat yochert op myn lytse wiisfinger!’

Patrick (6) bestudearret oandachtich de 12 wiken echofoto fan syn tante en seit dan: ‘Ik sjoch it al, it wurdt in jonkje. Want de baby hat gjin hier!’

Mem seit tsjin Hester (3): ‘Wat seist Hester, giest mei nei bûten?’ Hester: ‘Ik sei neat mem!’

Buurman heeft een beenamputatie gehad. Hille (5) merkt dit op en vraagt: ‘Waar is buurman zijn been?’ ‘Dat is weg’, antwoordt de buurvrouw. Hille kijkt nog eens naar buurman en zegt: ‘Wees maar niet bang buurman, ik vind hem wel.’

25


26


Witsto dat boeklêze de bêste wize is om dy lekker te ûntspannen? Psychologen tinke dat dat komt omdatst dy sa konsintrearje moatst ûnder it lêzen en dy ynlibje moatst, wylst dyn spieren en hert hiel rêstich bliuwe. Gelokkich binne der foar jong en âld in hiele protte moaie boeken om te lêzen. Ek yn it Frysk! Fan 13 septimber o/m 13 oktober is it wer de ‘Moanne fan it Fryske boek’. In moanne lang, te begjinnen by it Frysk boekefeest op freed 13 septimber, wurdt de Fryske literatuer yn de skynwerpers set. De Moanne fan it Fryske Boek is bedoeld foar de konsumint, de lêzer foaral, en de skriuwer, mar ek foar de boekhannel en de biblioteek. Yn dy moanne wurde der wer allegear leuke aktiviteiten organisearre. Sa as moaie optredens fan ferskate Fryske artysten, skriuwers en dichters. It folsleine program mei alle aktiviteiten is te finen op de webside: www.moannefanitfryskeboek.nl.

Kadoboek Én, ast ynspirearre wurdst troch de boeken op de folgjende pagina’s en do keapest by de boekhannel samar in Frysk boek, it makket net út hokker, dan krigest dêr in prachtich Kadoboek op ta. Dat kadoboek hjit ‘Djipte! De skiednis fan in doarp’ en is skreaun troch Atte Jongstra. It boek giet oer it doarp Wispolia. Dêr wurdt yn 1959 in mysterieus gat yn ’e grûn ûntdutsen. Haadpersoan Junius tinkt werom oan hoe’t er as Fryske beuker al in manyske belangstelling foar gatten krige. Hy sjocht se oeral, se krije geandewei it ferhaal mytyske proporsjes. Yn syn faaks wol meast autobiografyske roman oant no ta skilderet Atte Jongstra yn felle kleuren de skrinende skiednis fan in lyts Frysk doarpke op de grins fan himel en hel. Aksjeboek It Aksjeboek hjit ‘Foarstelling’ en is dit jier skreaun troch Caja Cazemier. In prachtich boek, dat giet oer Roos (15) dêr’t de âlden fan

skiede sille en oer Joppe (16) dy’t by syn heit wennet. Roos en Joppe moetsje mekoar op de jeugdteaterskoalle by de repetysjes fan “De foarstelling fan dyn libben”. It stik en de wurklikheid reitsje inoar. De foarstelling sil harren libben foar altyd feroarje. It boek sil útdield wurde oan de earsteklassers fan de middelbere skoallen dy’t foar it boek yntekene hawwe. Caja en oersetster Ans Wallinga sille op dy skoallen gastlessen fersoargje oer it boek. It boek is ek yn de boekhannels te keap. Reis-Aksje De Reis-Aksje, dy’t foar de 10e kear hâlden wurdt, is op snein 29 septimber en dit jier jildt sawol it Kadoboek ‘Djipte’ as it Aksjeboek ‘Foarstelling’ as ferfiersbewiis. Dy deis kinsto fergees yn Fryslân reizgje mei bus of trein en mei de trein ek yn Grinslân, asto ien fan beide boeken sjen litte kinst! In protte lêswille tawinske!

27


Boeken foar de lytskes Boartsje mei Stip ERIC HILL, AFÛK

0+

Stip boartet graach en hat in protte wille mei syn boartersguod. Syn favoryt is dit sachte knisperboekje.

€ 9,95

4+ € 14,95

Myn moaiste mearkes

Doch dit boek mar iepen. Dan komst yn in betoverjend keninkryk, mei grutske keizers, prachtige prinsessen, magyske bisten en feeën dy’t dy helpe wolle... Dizze spesjale samling fan ferhalen bestiet út tsien bekende mearkes fan de bruorren Grimm, Hans Christian Andersen en oaren. Utjouwer: Afûk

Bern dy’t twa of mear talen leare, hawwe op skoalle in foarsprong mei it lêzen en rekkenjen.

Ek leuk om mei dyn bern te lêzen: Ynstruminten 1+

€ 10,95

De natoer 1+

€ 10,95

MARION BILLET, AFÛK Stevich kartonboekje foar pjutten mei lûden dy’t de platen ta libben bringe.

Nijntje is op ’e buorkerij. Se sjocht guozzen, einepykjes, kij en € 12,50 in wollich wyt skiepke. Yn dit boek kinst mei nei de buorkerij en sjen watfoar bisten der noch mear binne. Kinst fiele oan de stofkes en riede wat der achter de lûkjes ferstoppe sit. Der is foar bern in hiel soad te belibjen yn dit boek.

Bertus Bear syn Drokke Dei

3+

TOR FREEMAN, AFÛK

€ 9,95

Sjoch wat Bertus Bear allegearre docht op in dei! De ynteraktive klok hat stevige wizers dy’t maklik draaie en alle siden ha fl apkes om achter te sjen. Der is in hiel soad te sjen. Sa leart dyn bern boartsjendewei hoe let it is.

Pien en har spin

RIENTS GRATAMA EN CARLA VAN DER HEIJDE, FRIESE PERS BOEKERIJ

4+ € 10,-

De opfolger fan Hein en syn hin is Pien en har spin. Diskear giet it oer it famke Pien dat in hiel bysûnder en leaf bistke yn har keamer hat. Rients Gratama skreau it ferhaal en Carla van der Heijde makke de tekeningen. Hein en syn hin wie ek fan har beiden. Dat boek wie in grut sukses en belibbe al trije printingen. Pien en har spin is krekt as Hein en syn hin trijetalich: it ferhaal by de prachtige tekeningen is yn it Frysk, Grinzersk en Nederlânsk.

De Gruffalo

Wêr sit Joazefine? 3+

“De gruffalo? Noch noait fan heard. De gruffalo! Kensto dy dan net?” Mûs giet op stap yn it donkere bosk en komt in foks, in ûle, in slang en in gruffalo tsjin. Dy ha allegear wol sin oan in hapke mûs. Hoe sil er him dêr útrêde?

JULIA DONALDSON, AFÛK € 12,95

1+

BRUNA, BORNMEER

MARION BILLET, AFÛK Stevich kartonboekje foar pjutten mei lûden dy’t de platen ta libben bringe.

ALEXANDER STEFFENSMEIER, AFÛK In prachtich humoristysk printeboek dêr’t in hiel soad yn te sjen is.

28

Nijntje op ’e buorkerij

4+ € 12,95


Berneboeken im ke fan de S 013 Winner s2 ii r r ma n P K looste

De oerwinnings fan Tido Houtsma THYS WADMAN, AFÛK

Bern wêze, dat liket sa leuk en sa maklik, mar it falt faak wier net ta. Der is altyd wol wat en Tido hat it der bytiden mar dreech mei. Want de dingen rinne by him gauris hiel oars as dat er earst tocht hie. Op skoalle, mei de bern út ’e klas, of thús, mei syn heit en mem. Of op strjitte, mei syn freonen of as er nei muzykles moat. Meastentiids kin Tido der sels ek neat oan dwaan dat it allegearre oars rint.

ek r bo e t s lú

9+ € 14,95

8+

€ 11,00

De moaiste mearkes ek r bo e t s fan Grimm lú ANNE TJERK POPKEMA (OERSETTING), AUDIOFRYSK

De Traveliers – Spoaren! ANNY DE JONG, AUDIOFRYSK

‘Jim hawwe by it fleantúch west.’ Hidde ropt fuort fan ‘No!’ De militêr stekt syn hân op. ‘Net lige, asjebleaft. Wy hawwe jim fi ngertaasten fûn.’ De man sjocht lang fan de iene nei de oare. Dan wiist er driigjend nei Hidde. ‘En do hast de doaskes út it tastel helle.’ Hidde wurdt wyt en read. It swit komt him ûnder de noas te stean. Hy moat nei de goede Ingelske wurden sykje. Hy stammeret: ‘Ik ha se wier net.’ ‘Wat hast der mei dien?’ ‘Neat’, ropt er. ‘Ik ha se fergetten en doe…’ De oarspronklike útjouwer is de Afûk.

13 dagen om in spetterjend feest te organisearjen

HANNEKE DE JONG, FRIESE PERS BOEKERIJ

Marike, de haadpersoan, hat har hannen fol oan skoalle (VMBO), har wat apartige broerke, har ferkearing mei Remco, har freondinne Nadia en de fjirtichste jierdei fan har mem. Se hat oan it begjin fan it boek noch 13 dagen om stikem in spetterjend feest te organisearjen mei in hiel soad lekkers. In geweldich hilarysk, fleurich én serieus boek foar alle jonge lêzers fan 12 jier ôf.

10+ € 12,- / € 9,- online

12+ € 12,50

Twa cd’s mei de mearkes fan Grimm, ynlêzen troch Anne Tjerk Popkema. De mearkes fan de bruorren Grimm hearre ta de moaiste en bekendste ferhalen fan de wrâld. Al twa ieuwen lang sprekke se jong en âld oan. 14 fan dy klassike mearkes hat de oersetter justjes bewurke foar jongere bern. It oarspronklike boek van 'De moaiste mearkes fan Grimm' is fan útjouwer Bornmeer. € 27,50

Bern dy’t twa of mear talen leare, skoare gemiddeld better op harren eksamens

Oare oanrieders: Grutte Pier

De boel op stelten AUCK PEANSTRA, AFÛK

In bondel humoristyske ferhalen foar en oer bern yn de boppebou. Mei aktuele tema’s lykas pesten, stalken, bernepostsegels ferkeapje en sekssites, mar ek oer aventoeren mei sjitterij, stellen, grapkes mei de kompjûter en anty-helden.

12+

– Krús fan de Hollanner 12+

€ 12,95

De kening fan juster 10+

€ 14,50

ATE GRYPSTRA, AFÛK In prachtich humoristysk printeboek dêr’t in hiel soad yn te sjen is.

€ 12,50 PAUL VAN DIJK, AFÛK Spannend en magysk boek oer de belibbenissen fan Renske.

29


lêsboeken Brieven oan ús mem It Fûgelgebed

€ 17,50

AKKY VAN DER VEER, ELIKSER

€ 15,-

JAAP KROL, BORNMEER

De ferhalen yn dizze bondel

gean oer minsken dy’t sykje

wat se fi ne, mar net altyd fi ne

wat se sykje. Is it net in kwestje fan ôfwachtsjen, dan is it wol in saak fan taslaan, lykas in fûgel

As famke fan fjirtjin jier krige Akky van der

Veer tbc en moast se ‘kuere’ yn sanatoarium

Sonnevanck yn Hurderwyk. Doe’t se nei oardel jier wer thúskaam, wie se letterlik en figuerlik groeid

en sa feroare, dat har mem har net mear ‘koe’. Nei it ferstjerren fan har mem fielde Akky van der Veer it ferlet om har brieven te skriuwen.

geduldich yn de loft hinget,

mar ûngeduerich op de oanfal wachtet.

It geloksbern

€ 18,50

HILDA TALSMA, ELIKSER

Betty begjint nei in revalidaasje fan in ferbaarnde earm pas echt op te libjen as se tegearre mei har âlde leafde Hindrik in konsert fan De Hûnekop

organisearret. Se komt swier ûnder de betsjoening

Dit jier wurdt de Moanne fan it Fryske Boek foar de fjirde kear hâlden. Op Twitter binne de aktiviteiten oangeande de Moanne fan it Fryske boek te finen mei #MfiFB

Om kado te jaan (oan in oar of oan dysels): Een vrije geest tot zwijgen gebracht

€ 19,50

It Swetshok

€ 15,-

As gong dêr in oar

€ 25,-

Nestgeur

€ 17,-

Bûtenman & Bûtenfrou

€ 14,50

Littensermerke

€ 14,50

Frozen moonlight yn myn hannen

€ 24,50

Jan Eisenga, Roel van der Heide

fan Emiel, mei in stim dy’t like rau en rûch is as de sjonger sels. In spannend boek, dêr’t in protte yn bart.

De treastfûgel

De treastfûgel folget it spoar fan twa famyljes út Hichtum. De iene húshâlding stapt yn 1911 op de boat nei Amearika en kin it amper oerlibje. De oare famylje wachtet in swalkjend bestean tusken arbeiderswenten yn Fryslân en melkstâlen yn Dútslân. De ferhalen fan de famyljes moetsje inoar as de tredde generaasje oan it oarlochsfront bedarret.

Ek op CD! Ynsprutsen troch Hylke Speerstra 6 cd’s fan 6,5 oere € 18 (€ 14 online)

Gjalt de Groot Leo Popma Sierksma

Willem Verf

A.S. van Zandbergen Josse de Haan

30

€ 16,90

HYLKE SPEERSTRA, BORNMEER

DichterBy is de mobile app foar smartphone, iPad en tablet, keppele oan GPS. Ynstallearje ’m en hear in gedicht oer it plak dêr’tsto biste. De gedichten binne te hearren én te sjen én fergees. Rûnom yn Fryslân.


foar heit en mem Kompleten

€ 17,50

MARGA CLAUS, AFÛK

Healwei de tweintichste ieu is der yn de Braziliaanske leprakoloanje Santa Isabel sprake fan wûnderlike Mariaferskiningen. Anno 2010 lûkt in Fryske skriuwster har acht dagen werom yn in Benediktiner kleaster om de histoaryske brieven oer de melaatsken by Belo Horizonte te lêzen. Se wit net dat dy brieven wat oer har eigen takomst fertelle sille.

In kop as in almenak

€ 16,50

Wat it is om bang te wêzen

€ 15,-

SIPKE DE SCHIFFART, FRIESE PERS BOEKERIJ

Tsien ferhalen, dy’t lang net altiten like nofl ik fan ynhâld binne. Sterker noch, guon ferhalen binne suver skokkend. Alle hillige húskes wurde yn dit boek sljochte. Mar der komme likegoed ek romantyske passaazjes yn dizze bondel foar. It boek is ferrassend, fi lein, spannend en linich ferteld.

ELSKE HINDRIKS, AFÛK

Har mem is grut wurden op in skûtsje, heit hie in rûnfeartboat. Gjin minsken foar op kantoar. Yn In kop as in almenak besiket in dochter út in laach fan skippers de ferhalen fan har beide âlden nij libben yn te blazen; in tiidsbyld fan in feroarjend Fryslân.

Le Tour de Frise

€ 17,-

FOPPE VENEMA, FRYSK EN FRIJ

Yn de dichtbondel Le Tour de Frise springt Foppe Venema op boartlike wize mei klisjees om, oer ûnderwerpen as jeugd, reboelje, religy, muzyk en literatuer. De fersen ha in heech Fryslân-gehalte.

De Codex Leicester is it djoerste boek oait. Bill Gates betelle foar dat manuskript mei wittenskiplike oantekeningen en sketsen fan Leonardo Da Vinci 30,8 miljoen dollar.

Gjin boek mar wol in ferhaal

Mem sjoch boi

EPPIE DAM, FRIESE PERS BOEKERIJ

€ 15,-

De dichtbondel Mem sjoch boi giet oer alle fasetten fan it memwêzen. It binne prachtige gedichten oer de yntime relaasje tusken mem en soan; poëzy oer in tear en faak ek kwetsber ûnderwerp. Neist memmen ticht by hûs, wurde op ferrassende wize memmen út ’e byldzjende keunst, de literatuer en de Bibel bedichte.

Hûnewacht

€ 15,-

Op myn stjerbêd wol ik tate ha

€ 15,-

Stofzuigerzangers/stofsûgersjongers

€ 22,50

Simon Oosting, gedichten

Anne Feddema, gedichten

Tsead Bruinja, Femke IJlstra,

Mirka Farabegoli, gedichten, etsen en cd WAKKERweromsjen

€ 20,-

Matty de Vries, gedichten

e-books (mar ek op papier ferskynd) Oer de wjuk

€ 15,-

De krêftproef

€ 14,50

Ik ek fan dy

€ 12,50

Eppie Dam, fûgelgedichten

Yn totaal twitterje 2038 Friezen geregeld yn it Frysk. Mei syn allen binne se goed foar mear as 435.000 tweets.

P. Boersma

Baukje Wytsma, gedichten

31


Ynformative boeken

m e m n e t i e foar h

De lêste Hikke, Fryske foarnammen € 10,dy’t ferdwine ALY VAN DER MARK, FRIESE PERS

In samling fan tsien jier rouadvertinsjes út de kranten mei Fryske foarnammen dy’t sa njonkelytsen útstjerre. It giet bygelyks om nammen as Frietske, Froatsje en Jilkjen by de famkes en Geue, Hikke of Oukert by de jonges. Yn dit boekje stean net allinne de nammen dy’t ferdwine, mar ek it libbensferhaal fan guon minsken dy’t in bysûndere namme hiene.

Blommen

€ 12,50

WOLFGANG HENSEL / SAKE P. ROODBERGEN, BORNMEER

Yn dizze natoergids fi ne jo alles wat jo nedich hawwe om wylde planten teplak te bringen. Mei in seleksje fan mear as twahûndert fan de bekendste en meast opfallende wylde planten yn ús lân, mei in ekstra aksint op Fryslân. Ekstra: in yndeks mei Nederlânske, wittenskiplike en Fryske nammen.

De Fries - Op syk nei de Fryske identiteit

€ 19,50

ERIK BETTEN, UITGEVERIJ WIJDEMEER

Yn dit boek besiket Erik Betten om djipper troch te kringen yn de Fryske identiteit. Want wannear is men in echte Fries? Moat men dan Frysk prate kinne? Wa makket soks eins út? En is in echte Fries altiten nochter en koppich? Dy en oare fragen komme op it aljemint yn dizze prikeljende syktocht nei it Frysk-wêzen.

Neffens de Nederlandse Voornamenbank binne der sa’n 15 Nederlanners mei Ajax as foarnamme. Feyenoord komt minder as 5 kear foar.

Protestantse kerken - hun pracht en kracht

€ 27,50

REGNERUS STEENSMA, BORNMEER

Ek leuk om te hawwen: See, see do wide see In ynlieding en trije lêzings oer de see yn de Fryske literatuer. 2 cd’s by: www.audiofrysk.nl

€ 12,-

Kieviten en plevieren, ljippen en wilsters

€ 25,-

Achter de horizon

€ 39,95

Sake P. Roodbergen, Uitgeverij Wijdemeer

Willem van Althuis, Uitgeverij De Kunst

Ta de famylje fan de roazen hearre ek fruchtplanten lykas de ierdbei, appel, par, prom en framboas.

32

Dit boek neemt u in woord en beeld mee op een wandeling door het fascinerende interieur van onze oude protestantse kerken. Er wordt niet alleen aandacht besteed aan hun historische betekenis, maar ook aan het aspect van monumentenzorg en modern kerkbeheer. Geïllustreerd met meer dan 300 foto’s.

Fryslân, land van talen - een geschiedenis

€ 17,50

REITZE J. JONKMAN & ARJEN P. VERSLOOT, AFÛK

Fryslân, land van talen vertelt over de geschiedenis van het Fries: waar het vandaan komt, hoe oud het is, dat het in de loop der eeuwen nogal veranderd is en nog steeds verandert, hoe de positie in de maatschappij niet altijd dezelfde was en wat deze in de laatste eeuw is geworden. Rijk geïllustreerd met foto’s en kaartjes.


Open oog

Tjalling de Vries (1959) is sinds 1991 algemeen kinderarts in het Medisch Centrum Leeuwarden. Hij is getrouwd en vader van drie kinderen: Fedde (1991), Marga (1995) en Anne (1998).

Bij de meeste kinderen die bij de kinderarts komen, is aan de buitenkant niet te zien wat er aan de hand is. Bij Samantha, een meisje van drie jaar, is het probleem wel duidelijk: de linkerkant van haar gezicht hangt en dat betekent dat de aangezichtszenuw ziek is. Ze is sinds een paar dagen wat moe en kortgeleden had ze waterpokken. Gelukkig zijn die weg. Vader vraagt zich af of er een hersentumor is, zijn opa is daaraan overleden en hij maakt zich daar zorgen over. Eerst moet ik meer weten, bijvoorbeeld of er een tekenbeet is geweest. Tekenbeetziekte kan bij kinderen aangezichtsverlamming veroorzaken. Het is belangrijk dat te weten, want dan moet ze antibiotica. De ouders hebben geen teken gezien en er zijn ook geen andere verschijnselen geweest. Ik onderzoek Samantha. Ze heeft er geen zin in en weert af. Met enige moeite lukt het haar oren te bekijken, die zijn gezond. Ik moet weten of het oog wel of niet dicht kan. Als bij een aangezichtsverlamming het oog open blijft, kan het uitdrogen en beschadigd raken. Ze krijgt dan medicijnen. Samantha moet dus het oog voor me dichtdoen, maar dat wil ze niet. Hoe vader, moeder en ik het ook vragen: ze heeft er geen zin in. Dan zie ik haar pop, het is er zo een die de ogen sluit als ze ligt. Ik vraag Samantha of ze het voor wil doen en me wil laten zien hoe de pop dat doet. Door moeder geholpen doet ze dat. ’Mag ik eens proberen?’ vraag ik en schoorvoetend geeft Samantha mij de pop. Ik laat de pop liggen en weer omhoog gaan, de ogen gaan dicht en open. ‘Werkt dat bij jou ook zo?’ vraag ik aan Samantha. Ze haalt haar schouders op. ‘Vast wel’, zegt vader en hij legt haar plat op zijn schoot en houdt haar daarna weer overeind. En warempel, net als bij de pop gaan haar ogen dicht als Samantha ligt. Ze moet er erg om lachen. Het linkeroog gaat niet helemaal dicht. Het betekent dat Samantha medicijnen moet hebben om het oog te beschermen. In de weken erna komt ze regelmatig langs. Het slikken van de geneesmiddelen lukt en langzamerhand verdwijnt de verlamming. Achteraf blijkt dat het een gevolg is van de waterpokken. Als Samantha voor de laatste keer komt, is ze aan me gewend. De truc met de pop moet natuurlijk weer gedaan worden, daar heeft ze plezier in. Ze laat haar tanden zien en doet haar ogen dicht als ik het haar vraag. Als laatste steekt ze spontaan haar tong uit. Daar moeten we allemaal erg om lachen.

33


Schuimletters of - figuren

Kraamzorg Friesland

Geborduurd (baby-) textiel

Superzachte knuffels

www.creamira.nl Kadobonnen

Diverse kraammanden

en nog veel meer....

Kraamzorg van De Kraamvogel

Vertrouwd in Friesland Kindje op komst? Kraamzorg nodig? Kies dan voor De Kraamvogel! Wij zijn een betrouwbare en deskundige kraamzorgorganisatie waarbij je kunt rekenen op persoonlijke aandacht en professionele zorg. Meld je nu aan voor een onvergetelijke kraamtijd!

T 088 77 88 500 www.dekraamvogel.nl

it woudagemaal, unyk yn ’e wrâld untdek de krêft fan stoom yn it besikerssintrum en belibje it mei yn 3d. de rûnlieding bringt dy by de fassinearjende technyk fan it grutste noch wurkjende stoomgemaal fan ’e wrâld lâns. in yndrukwekkende katedraal fan stoom, boud yn de arsjitektuer fan de amsterdamse school. dat móátst sjoen hawwe! each yn each mei de krêft dy’t ús tsjin it wetter beskermet. sûnder it woudagemaal seach nederlân der hiel oars út! - spannende 3d-film

- Prachtige arsjitektuer

- edukative aktiviteiten

- technysk t keunststikje

- aardige speurtocht

- gesellige kofje- en teeskinkerij

- Keazen ta leukste uitje van

- unesco wrâlderfgoed

friesland 2013 iepeningstiden

u n t d e K d e K r ê f t fa n

tiisdei o/m sneon

10.00 - 17.00 oere

snein

13.00 - 17.00 oere

sjoch foar iepeningstiden op feest- en bysûndere dagen op www.woudagemaal.nl

ER

ELD

ER FG

O

E

D

W

Besykadres: gemaalwei 1a, 8531 Ps de lemmer

United Nations Educational, Scientific and Cultural Organization

E GE

I

N

I

TA

MO

ER R LD H

N D I AL

WO

Kom nei it grutste noch wurKjende s t o o m g e m a a l fa n ’ e w r â l d

PA T R I M

O

Ir. D.F. Woudagemaal Werelderfgoed sinds 1998

magistrale beleving van stoom, architectuur en water


DE GRUTTE OERSTEK Hast twa jier lyn wennen wy noch yn Amsterdam. Smûk oan in pleintsje yn De Baarsjes, trije heech. Us âldste, Manuel, is dêr thús berne. De wenning hie gjin balkon mar dat joech neat, om’t der bûtendoar genôch te belibjen wie. Mei ús jonkje yn it bernesitsje navigearden wy ús alle dagen op ‘e fyts troch it stedsferkear mei syn trams, bussen, jiskeweinen en ambulânses. Lykwols makken wy koart nei Manuel syn twadde jierdei de grutte oerstek en ferruilen wy ús Amsterdamske etaazje foar in hûs yn it Fryske terpdoarpke Penjum. Yn stee fan it drokke stedsferkear te besjen kin Manuel no sels mei syn blauwe traaptrekker de streek delrôlje. Hjir is ek ús jongste, Welmoed, berne. Goed in jier âld mei sy graach efter de kat oan krûpe, of sels de bernewein triuwe en fleurich nei heit swaaie. ‘Haai!’ Ien fan de dingen dêr’t ik my oer fernuverje nei ús ferhuzing, is hoe’t Manuel yn koarte tiid frijwat Frysk begûn is te ferstean. Al is ús thústaal Hollânsk, hy wit goed wat bygelyks ‘boartsje’ betsjut en liket ek al wat fan de klankferskillen te begripen. ‘Papa, ik kan Fries praten’, sei er op in dei triomfantlik. ‘Poepskeet!’ Mar de grutste oerstek wie net dy fan Amsterdam nei Fryslân. Doe’t ik heit waard, wie it as stiek ik oer fan it lân fan de bern-mei-âlden, de op himsels rjochte yndividualisten, nei it lân fan de âlden-mei-bern, de minsken dy’t witte dat se de wichtichste opjefte yn ‘e wrâld ha. It klinkt as in ferskriklik klisjee, mar it is werklik wier. Ik hie jierren oanien gjin earen hân foar de ferhaaltsjes fan âlden oer harren bern en ik wie allergysk foar de kakofony fan jierdeifeestjes tropfol kroast. Mar it heitwêzen hat my leard hoe’tst dyn eigen noeden, ambysjes en eangsten wier relativearje kinst ast foar in nij lyts en kwetsber libben soargje moatst. It hat my ek leard om midden yn de kakofony de fokus op de essinsje te hâlden. Krekt as de pinguinheit dy’t in hiele poalwinter ûnbeweechlik in aai stiet út te brieden, wylst mem fier fuort yn ‘e oseaan in bealch fol fiskjes byinoar sammelet. Ik moat wolris tinke oan de pinguinheit at ik bygelyks nei in wurkdei wer yn de file foar de Coentunnel stean op ‘e weromreis nei hûs. Fokus op de essinsje. Haai! Poepskeet!

Richard de Boer is tige wiis mei syn bern Manuel (3) en Welmoed (1) en harren mem Adri. Hy wurket as freelance sjoernalist en byldredakteur mei oan û.o. de Moanne, De Groene Amsterdammer, VPRO Gids en De Volkskrant.

35


Nynke van der Zee

Pesten yn de digitale wrâld Mei de opkomst fan iPhones, iPads en sosjale media lykas Hyves, Twitter en Facebook nimt ek it cyberpesten ta. Net allinnich op it skoalplein, mar ek op ynternet krije bern tsjinwurdich te meitsjen mei pestgedrach. Undersyk wiist út dat ien op ’e fiif bern online wolris pest wurdt. Hoe wurket cyberpesten, en wichtiger noch: wat kinne wy dêr tsjin dwaan?

36


Cyberpesten is pesten fia ynternet. Yn de measte gefallen giet it om skellen, kweasprekken, beledigjen, mar ek bûtensluten op bygelyks Twitter, WhatsApp, yn chatboxen, op Facebook of Hyves. ‘Mar cyberpesten kin in soad foarmen oannimme, leit mediacoach Evelyn Verburgh út. Ek it stellen en misbrûken fan in wachtwurd of it oanmeitsjen fan in nep- of haatprofyl fan immen is in foarm fan cyberpesten. Ferfelende foto’s of filmkes fan ien online sette, ien bûtenslute by online gamen, of op in oar syn namme nuvere dingen bestelle fia webshops. Ynternet biedt pesters de weareld oan mooglikheden.’ Digitale komplimintsjes As mediacoach giet Evelyn geregeld nei basisskoallen om yn de midden- en boppebou te praten oer cyberpesten. ‘Benammen op dy leeftyd is dat hiel wichtich’, fynt se. ‘Bern hawwe nammentlik faak net yn ’e gaten dat se peste. Se fine it hiel lestich om har yn te libjen yn in oar of te oersjen watfoar konsekwinsjes at pesten hat. Praat thús en yn de klasse oer digitale omgongsfoarmen en stean stil by hoe’t it fielt foar dejinge dy’t pest wurdt. Praat net allinnich oer wat nét mei, mar foaral ek oer goed gedrach: hoe kinst online aardich foar ien wêze en hoe joust kompliminten? Lear dyn bern om op in goede wize om te gean mei ferfelende berjochten. Wês dy bewust

fan dyn eigen rol as âlders. Hoe geane jim mei-inoar om? Do bist ommers dêryn in foarbyld foar dyn bern.’

In soad pesters hawwe net yn ’e gaten watfoar konsekwinsjes at harren gedrach hat. Ut ûndersyk blykt dat bern op ynternet minder pest wurde as op it skoalplein. It ferskil mei gewoan pesten is lykwols dat de drompel op ynternet leger leit. ‘Bern fiele harren minder remme, wêrtroch’t it makliker is om gemiene dingen tsjininoar te sizzen. En om’tst gjin direkte reaksje sjen kinst by de oar, rint it makliker út de hân’, leit Evelyn út. Ek de anonimiteit soarget derfoar dat cyberpesten faak feniniger is as pesten op it skoalplein. Mar it grutste ferskil is dat cyberpesten nea ophâldt. It giet thús troch op it mobyltsje dat bern yn ’e broeksbûse ha. It ferskynt as se de WhatsApp iepenje of op harren Facebookpagina sjogge. Evelyn: ‘Bist nearne mear feilich, sels net op dyn eigen sliepkeamer.’ Net te bang wêze Krekt as by gewoan pesten sille bern thús net gau fertelle dat se online pesten wurde. Se skamje har derfoar en

hâlde it dêrom stil. Sinjalen dat by in bern sokssawat spilet, binne feroarings yn gedrach: weromlûke, ôfheakje by aktiviteiten, pinebúk of pineholle en net mear nei skoalle wolle. It is lykwols net ferstannich om as heit en mem ynternet dêrom fuort mar te ferbieden, warskôget Evelyn. ‘Fansels wolle wy ús bern beskermje tsjin negative ûnderfinings op ynternet. Mar wy moatte der net te bang foar wêze, want ynternet is júst ek in hiele positive omjouwing foar bern om ynformaasje op te dwaan, kontakten te lizzen, gear te wurkjen en wichtige libbenslessen te learen.’ Foar de bern fan hjoed-de-dei is de firtuele wrâld like wichtich as de echte wrâld. De bêste wize om bern te wapenjen tsjin cyberpesten is dan ek om thús oer de positive en negative kanten fan ynternet te praten. Evelyn: Wy freegje ús bern altyd hoet it wie op de fuotbaltraining of by pianoles. Mar wy hifkje nea hoe’t it op ynternet wie. Nim as âlders in iepen en belutsen hâlding oan. Lústerje en lit de bern dyn gids wêze. Dan komme se makliker nei dy ta mei leuke dingen, mar ek by online problemen. Doch ris mei oan in online game of lit dy ferrasse troch in leuk filmke op YouTube. Ynternet en sosjale media binne net mear wei te tinken út ús deistich libben. Wy moatte it allinnich noch in goed plakje jaan. En dat kostet efkes tiid.’

Do’s & don’ts * Jou nea dyn wachtwurd oan oaren. * Loch altyd út ast op in oare kompjûter sitst. * Reagearje net op pestberjochten, mar bewarje se wol. * Meitsje altyd in skermôfdruk fan it pestberjocht as bewiismateriaal. * Blokkearje dejinge fan wa’tst de ferfelende berjochtsjes krijst. * Makkest wat ferfelends mei, praat dêroer mei ien dy’tst fertroust. * Pest net werom - wurd sels net in pester! * Doch op ynternet neat watsto in real life ek net dwaan soest.

Wa is Evelyn Verburgh? Evelyn Verburgh is Mediacoach en hat har eigen advysburo, Vitamine Eef yn Wommels. Sy begeliedt bern, jongeren, âlders en dosinten by it omgean mei de media fan hjoed-de-dei troch û.o. medialessen, workshops en âlderjûnen te jaan. Nijsgjirrich? Sjoch ris op www.vitamine-eef.nl.

Handige websites Mijnkindonline.nl Pestweb.nl Meidenvenijn.nl Mediawijsheid.nl

37


Ciska Noordmans

Gedrach spegelje mei hynders Melanie stiet foar it earst mei rydynstruktrise Wendy Ongena yn de roundpen fan Donia State Wester yn Spannum. By har yn de sânsirkel stapt de fjordeponny Ulrike om, sûnder dat dy fêst sit. Earst hat de ponny in poetsbeurt hân. Dat is net allinne hearlik foar de ponny, mar ek goed foar de bern. ‘Bern mei mooglikheden’, sa’t Wendy se neamt. Want Donia State Wester is in soarchbuorkerij, dêr’t op woansdeitemiddei bern dy’t ekstra omtinken nedich ha hynsterydles krije fan Wendy. In protte bern dy’t hjir komme ha in oandwaning yn it autismespektrum.

Enerzjy Melanie is noch net hielendal wis oer wat der gebeure sil, mar se is de bêste freontsjes mei de fjord en se fielt har fertroud by de ynstruktrise. Melanie hat in lônzjearline yn ’e rjochterhân en se besiket de fjord Ulrike yn beweging te krijen, har linksom rinne te litten, te stopjen of har nei de hoefslach te stjoeren. Moat Ulrike hurder rinne, dan smyt se de lônzjearbân út. As Melanie wat heech yn har enerzjy sit, lit de ponny itselde sjen en wurdt it lestiger om har te stjoeren, mar as Melanie rêstiger wurdt, dan sjochst dat ek werom by Ulrike, dy’t Melanie hieltyd goed yn it each hâldt. Nei in skoftke beweecht de ponny har ear, lit de holle wat sakje en begjint te kôgjen en te slikjen. ‘Dat zijn de drie tekenen dat ze Melanie accepteert als leider’, leit Wendy út. Dêrnei komt de ponny rêstich op har ta rinnen, Melanie

38

aait ’m oer de snút en praat wat tsjin har ponnyfreon. Op oanwizings fan Wendy rint Melanie foar de fjord út en ferdraaid: Ulrike folget, wat paad at sy ek siket. En Melanie, dy is grutsk. Hynders binne sensitive bisten Hynders binne sensitive bisten, se betrouwe op lichemstaal. Om’t it ‘kuddedieren’ binne, sille se besykje kontakt mei dy te lizzen, mar allinne asto har in feilich gefoel jouste. En in hynder is dêr pas wis fan as hy wit wat er oan dy hat. Hy sil allinne oansluting sykje asto autentyk gedrach sjen litste. Om’t hynders reagearje fanút har ynstinkt, binne se folslein oprjocht en jouwe se fuort feedback op dyn gedrach. Kinst gjin heale opdrachten jaan, of dysels grutter meitsje as datst biste; in hynder hâldt dy fuort in spegel foar.

‘Mijn pony wil niet’ ‘Het is heel belangrijk het gedrag van kinderen te spiegelen’, leit Wendy út. ‘Eigenlijk doe ik de hele dag niet anders. “Waarom gebeurt dit en hoe zou je het probleem kunnen oplossen?” zijn hier veelgestelde vragen die in allerlei variaties terugkomen. “Mijn pony wil niet”, hoor je soms kinderen zeggen, dit wordt direct teruggekaatst met de vraag “Doe jij altijd direct wat je wordt opgedragen, als jij bijvoorbeeld je kamer moet opruimen?”. Zo’n wedervraag kunnen kinderen goed begrijpen. “Nee natuurlijk” is dan steevast het antwoord. Het advies is dan om je pony nog eens te vragen; “gebruik je de goede hulpmiddelen; zitten je handen goed, de teugel, je been tegen het paard?” en het moet al gek gaan wil er dan niet vooruitgang geboekt worden. Elke


vooruitgang wordt hier benoemd, wat natuurlijk bijdraagt aan een positief zelfbeeld. Ook wordt kinderen geleerd dat ze goed gedrag van de pony mogen belonen: “Is het paard braaf geweest, of laat het een ontspannen geluid horen, beloon hem dan met een klopje”. Om de kinderen veel aandacht te kunnen geven, wordt er individueel of in kleine groepjes lesgegeven. Ik hoor heel veel ouders van kinderen zeggen “mijn kind is zo veranderd” of “dit kind laat heel ander gedrag zien dan thuis”. Wat de kinderen hier leren, nemen ze ook weer mee terug naar huis.’ Oan de bûtenkant sjochst neat Oan de bûtenkant kinst meastentiids neat sjen by dizze bern. Ek Melanie sjocht der út as in fleurich ‘ponnyfamke’ dat hiel gelokkich is by ‘har’ maneezje, de

ponnys en Wendy. Dochs ûnderfine bern mei in autistyske behindering mear swierrichheden yn de deistige sosjale omgong as oare bern. Se wurde faak oerfrege en it kommunisearjen mei heit en mem, broerkes, suskes en freontsjes is faak lêstich. We sizze faak wat oars as dat we bedoele Hoe faak komt it net foar dat wy eins wat oars sizze as dat we bedoele? Bern registrearje dat ús lichemstaal wat oars seit as ús mûle. Foar alle bern is soks betiizjend, mar foar bern mei in foarm fan autisme noch folle mear. As persoan sûnder autisme ferwachtesto bygelyks dat kontakt fan beide kanten komt. En asto dan in praatsje mei ien oanknopest, giesto der fan út dat de oar reagearret op it ûnderwerp datsto

oansnijst én op it achterlizzende doel: it dielen fan gesellichheid. Mar asto in foarm fan autisme hast, dan ûntgiet dy dy achterlizzende bedoeling fan it praatsje faak en joust inkeld antwurd op de fraach. De oare reagearret dan miskien ôfwizend of yrritearre. Yn sa’n situaasje reitsje bern mei in foarm fan autisme emosjoneel fan slach. Se begripe it net, hawwe dochs antwurd jûn op de fraach? Guon bern wurde dêr ûnseker fan, oaren lilk en guon tinke dat de hiele wrâld tsjin har is en sykje it sels wol út. Troch harren behindering rinne sokke bern in achterstân op yn har ûntwikkeling en dan is ekstra oandacht nedich om fierder te kommen. It spegeljen mei hynders is in prachtmanier om dêr wurk fan te meitsjen. www.zorgboerderij-doniastate.nl

39


Marrit de Schiffart

In Alvestêdetocht mei taalhindernissen Kin immen dy’t net goed lêze kin de Alvestêdetocht ride? Dy fraach hold bern fan tolve Fryske basisskoallen begjin dit jier dwaande. Sy skreaunen mei oan in boek oer Auke, de topreedrider dy’t muoite hat mei taal. Doel fan dy boekestafette wie om oandacht te freegjen foar ‘laaggeletterdheid’. Berneboekeskriuwer Jacques Vriens die de einredaksje en is ûnder de yndruk fan it ferhaal. ‘Auke overwint allerlei taalhindernissen tijdens deze extreem avontuurlijke tocht!’

Hoe moat dat eins, in ferhaal skriuwe? Dat koe groep 7 fan de Albertine Agnesskoalle út Ljouwert moai oan Jacques Vriens freegje. De berneboekeskriuwer – ûnder oaren bekend fan Achtste-groepers huilen niet en Meester Jaap – joech de learlingen tips en trúks. ‘Het is belangrijk om vooraf te bepalen waar je met je verhaal naartoe gaat. Daarom heb ik ze eerst gevraagd hoe hun verhaal moet eindigen. Een andere belangrijke tip is dat je moet proberen om de lezer meteen in het verhaal te trekken. De eerste regels moeten dus onmiddellijk aanslaan.’ De Ljouwerter learlingen mochten de boekestafette ôftraapje troch te beskriuwen hoe’t Auke fan Ljouwert nei Snits rydt. Dêrnei skreaunen noch alve oare Fryske basisskoallen in etappe fan Auke syn tocht. Ferkearde trein? Jacques Vriens die de einredaksje fan it boek en is hiel bliid mei it resultaat. ‘De kinderen hebben prachtige dingen bedacht. Het is een spannend avontuur geworden, waarin Auke niet alleen 200

40

kilometer op schaatsen aflegt, maar ook tegen allerlei taalproblemen aanloopt. Dat begint al onderweg naar de start, als hij de bordjes op het station niet kan lezen en dus niet weet welke trein hij moet nemen. Later op de route drinkt Auke een beker Beerenburg in één teug leeg, omdat hij denkt dat het thee is. Het woord Beerenburg blijkt iets te moeilijk voor deze schaatskampioen.’ De problemen dêr’t ‘laaggeletterden’ tsjinoan rinne, komme Vriens bekend foar, hy hie sels as bern ek muoite mei taal. ‘Ik heb een lichte vorm van dyslexie. Toen ik op de basisschool zat, scoorde ik altijd lage cijfers op taal. Ik kreeg mijn verhalen vaak vol rode strepen terug. Leuk bedacht, stond er dan onder, maar jammer van de spelfouten. En kijk nu eens, nu ben ik een kinderboekenschrijver! Ik laat mijn verhalen overigens nog altijd nakijken door anderen. Vroeger deed mijn oudere broer dat en nu mijn vrouw. Als laaggeletterde moet je creatief omgaan met je taalproblemen. Dat wil ik ook aan de kinderen doorgeven: als je iets wilt,

ga er dan voor en laat je niet leiden door de gedachte dat je het niet zou kunnen.’ Lêswille Dochs is it neffens Jacques Vriens belangryk dat ‘laaggeletterdheid’ oanpakt wurdt. De berneboekeskriuwer hat sels jierrenlang foar de klasse stien. Doe seach er hoe belangryk oft lêzen en skriuwen is foar in minske. ‘Laaggeletterdheid zorgt niet alleen voor mindere prestaties op talige vakken, maar ook op andere vakken. Lezen is immers bijna overal bij nodig.’ Wat dan de bêste remeedzje is? ‘Lezen, lezen en nog eens lezen. En nog belangrijker: daar plezier aan beleven.’ Bliuwt no allinne noch de fraach oer oft ús held Auke, nettsjinsteande syn taalefterstân, de tocht ek útriden hat. ‘Ha, daar kan ik niets over zeggen natuurlijk, dan leest niemand het boek meer! En dat is wel de bedoeling, want het boek wordt ook echt uitgegeven. Op 11 september, tijdens de Week van de Alfabetisering, is de feestelijke presentatie!’


De skoallen dy’t meidien ha oan de Boekestafette Fryslân Albertine Agnesskoalle (Ljouwert), Julianaskoalle (Snits), De Kogge (Drylts), De Klinkert (Sleat), De Skutslús (Starum), De Skulpe (Hylpen), De Pipegaal (Warkum), De Blinker (Boalsert), Het Noorderlicht (Harns), De Toermalijn (Frjentsjer), Burgerskoalle (Dokkum) en Prins Constantijnskoalle (Ljouwert).

Tips fan Jacques Vriens Bern dy’t muoite hawwe mei taal leare better te lêzen troch in soad te lêzen. Mar…dat kinne se net sa goed en dus ha se dêr in hekel oan. Hoe krije jo sokke bern dochs oan it lêzen, sûnder dat it foar harren fielt as ‘moatten’? Jacques Vriens, as âld-skoalmaster, jout tips. • Lês bern faak foar, dat kin fuort nei de berte al. Mei foarlêzen stimulearrest de taalûntwikkeling. Ut ûndersyk docht bliken dat bern dy’t fan jongs ôf oan foarlêzen wurde, in wurdskat fan 4000 wurden hawwe as se op de basisskoalle komme. Bern dy’t net of amper foarlêzen wurde, hawwe dan in wurdskat fan 1000 wurden. • Lês it earste haadstik fan in nij boek foar oan dyn bern. Dêrnei kin hy of sy sels fierder lêze. As in bern ienkear goed yn it ferhaal sit, is de drompel om sels fierder te lêzen folle leger.

‘Laaggeletterdheid’ yn Fryslân

• Skaf behalve it gewoane boek ek it audioboek oan. Bern kinne it ferhaal dan tagelyk lêze en beharkje. Dy kombinaasje fan wurdbyld en klank soarget derfoar dat bern dy’t muoite hawwe mei taal mei sprongen foarút geane.

De boekestafette is in inisjatyf fan Stichting Lezen & Schrijven. Neffens dy stichting is it belangryk om oandacht te hawwen foar funksjoneel analfabetisme. Minsken dy’t funksjoneel analfabeet binne, kinne net goed lêze, skriuwe en rekkenje. Dat makket it dreech om folweardich mei te draaien yn de maatskippij. Sa’n 10% fan de Nederlanners is funksjoneel analfabeet. Yn Fryslân leit dat persintaazje heger, op 14%, dat binne sa’n 270.000 minsken. Reden genôch om yn dizze provinsje ekstra omtinken oan it probleem te jaan.

41


Laaggeletterdheid Yn Nederlân?!

Ciska Noordmans

Yn Nederlân binne sa’n oardel miljoen folwoeksenen ‘laaggeletterd’. Se kinne net goed genôch lêze en skriuwe om harsels te rêden. Yn alle lagen fan de maatskippij binne ‘laaggeletterde’ minsken te finen, mar it probleem komt it meast foar by leechoplate folwoeksen Nederlanners (1 miljoen). Dêrfan binne 250.000 analfabeet en 750.000 funksjoneel analfabeet. ‘Laaggeletterdheid’ begjint faak al op jonge leeftyd en dêrom is it stimulearjen fan de taalûntwikkeling fan jonge bern krúsjaal foar de skoalkarriêre en de ûntwikkeling fan bern.

‘Laaggeletterdheid’ yn Fryslân De boekestafette is in inisjatyf fan Stichting Lezen & Schrijven. Neffens dy stichting is it belangryk om oandacht te hawwen foar funksjoneel analfabetisme. Minsken dy’t funksjoneel analfabeet binne, kinne net goed lêze, skriuwe en rekkenje. Dat makket it dreech om folweardich mei te draaien yn de maatskippij. Sa’n 10% fan de Nederlanners is funksjoneel analfabeet. Yn Fryslân leit dat persintaazje heger, op 14%, dat binne sa’n 270.000 minsken. Reden genôch om yn dizze provinsje ekstra omtinken oan it probleem te jaan. Smoesjes en ferlechjes Minsken dy’t funksjoneel analfabeet binne geane sitewaasjes wêryn’t se skriuwe of lêze moatte út ’e wei. ‘Ik ha myn bril net mei’ of ‘ik lês it thús wol eefkes’ binne ferlechjes dy’t se in protte

42

brûke. Se skriuwe ôfspraken net op – ‘ik tocht dat it moarn wie’ – en misse dêrtroch faker in ôfspraak of binne te let. Se lêze gjin boekjes foar, lêze gjin briefkes fan skoalle of skoalrapporten en se sille nooit tegearre mei soan of dochter wurdsjes skriuwe. Hearst faak fan sokke âlders dat har bern ‘leaver televyzje sjogge’ as lêze. Ien fan de slimste dingen dy’t funksjoneel analfabete âlders oerkomme kinne, is dat har bern fernimme dat sy net goed lêze en skriuwe kinne. Se binne hiel ûnwis as it om it learen fan taal giet. Leafst hâlde âlders dat sa lang mooglik foar har bern ferburgen. Der binne kursussen foar folwoeksenen om lêzen en skriuwen te learen. Dêr sjogge se dat se lang net de ienigen binne dy’t skriuwen en lêzen dreech fine. Dat fielt goed! As âlders wer nei skoalle geane, giet der in wrâld foar har iepen. En grutsk dat se binne! Yn

Ljouwert wurde dy kursussen jûn by ROC Friese Poort en ROC Friesland College. Lêzen, hat dat sin? Bern dy’t thús minder as 5 minuten yn ’e wike lêze, lêze mar sa’n 21.000 wurden yn ’t jier. Bern dy’t 10 minuten deis lêze, lêze 622.000 wurden yn ’t jier. Bern dy’t 15 minuten deis lêze, lêze 1.146.000 wurden yn ’t jier en bern dy’t leafst in oere deis lêze, lêze mear as 4.358.000 wurden yn ’t jier. Wat hâldt dy no noch tsjin om in goed berneboek te pakken? Foarlêzen fergruttet net allinnich it gefoel fan eigenwearde by bern, bern dy’t foarlêzen wurde ha ek in gruttere kennis fan de wrâld en se leare al hiel jong dat der in relaasje is tusken it printe wurd en har eigen byld fan de wrâld!


• 1  00.000 bern tusken de 2 en 5 jier rinne in grut risiko op lêsproblemen. • 64% fan dy bern leart dochs goed lêzen as se foarlêzen wurde. Sûnder foarlêzen te wurden rêdt mar 36% dat op. • 25% fan de achtstegroepers komt fan skoalle mei in taalachterstân fan twa jier!

Tips: - Praat in soad mei bern, ek mei babys en pjutten - Praat yn gewoane taal - Praat, sjong, boartsje en doch fingerspultsjes - Hast alle bern hâlde fan boeken en fine it hearlik om foarlêzen te wurden. - Foar alle leeftiden, ek foar babys, is der in grut oanbod oan moaie boeken. - Praat mei bern oer wat foarlêzen is - In ferskaat yn (ynter)aksje soarget foar in fariaasje yn taalgebrûk; dêrtroch leare bern in relaasje te lizzen tusken it taalgebrûk en de sitewaasje.

‘Bondgenootschap voor Geletterdheid Fryslân’ Op 1 july 2013 hawwe de earste bûnsgenoaten har hantekening setten ûnder it konvenant ‘Bondgenootschap voor Geletterdheid Fryslân’. Yn ’e mande mei Stichting Lezen & Schrijven nimme yn de provinsje Fryslân lokale oerheden mei it maatskiplik wurk, bibleteken, ûnderwiisynstellings, wenningkorporaasjes, útstjoerburo’s, taalburo’s, berneopfangorganisaasjes en soarchynstellings diel oan it ‘Bondgenootschap voor Geletterdheid Fryslân’. De bûnsgenoaten sette har yn om ‘laaggeletterdheid’ te ferminderjen en taalplezier by bern en folwoeksenen te stimulearjen.

43


meihelpe

Bern kinne hiel goed meihelpe. Dat sjogge jim wol op de foto’s hjirûnder. De oare ynstjoerde foto’s kinne jim besjen op www.heitenmem.nl.

3 1

4 2

7

5

6

9

8

10

Foto 1 Foto 2 Foto 3 Foto 4

44

Sylvie Brak Brecht Wierenga Hessel en Jurjen Kramer Tim Hoekstra

Foto 5 Foto 6 Foto 7 Foto 8

Silke Smink Jesse van der Zwaag Chris van der Zwaag Arjen van der Schaaf

Foto 9 Matheo Andersen-Sijtsma Foto 10 Jente van der Bij


advertorial

Jennie Binnema:

“Leafst lês ik thús Fryske boeken foar” Jennie Binnema is mei Melle (3) en Tibbe (1) op stap yn Ljouwert. Se hâlde fan lêzen en boekjes en rinne de Taal- en boekwinkel fan de Afûk net foarby. Wat stiet der by jim thús yn de boekekast? Ik bin ûnderwizeres yn de ûnderbou fan de Máximaskoalle yn Ljouwert, sadwaande bin ik altyd al in soad mei boeken yn ’e slach. Foardat Melle berne waard, koe ik it soms net litte om alfêst in boekje mei te nimmen. Yn ús boekekast fynst in protte printeboeken, foarlêsboeken en plateboeken. Hokker boeken binne favoryt? Melle is sljocht op boeken. Syn favoriten binne sykplateboeken, lykas De gele ballon en It Mûzehûs. Hy fynt it hearlik om foarlêzen te wurden of sels de boeken te besjen. Jûns foar it sliepengean sille we altyd íen ferhaal foarlêze op it grutte bêd, mar dat wurde der altyd stikem twa! Wêr fine jim moaie boeken? We komme graach yn de bibleteek, mar we sykje ek geregeld yn de boekwinkel wat út. Fêste prik dat de bern mei jierdeis, Sinteklaas en de Berneboekewike in moai boek krije. Hjoed stappe Jennie, Melle en Tibbe mei De Gruffalo en Dêr is Marten wer yn ’e buggy de winkel wer út.

De moaiste Fryske boeken fynst by de Afûk:

Myn moaiste mearkes € 14,95

De boel op stelten € 12,50

Ynstruminten € 10,95

Tûzen wurden € 14,95

Ek efkes lekker sneupe tusken de boekjes? Kom ek nei de Afûkwinkel op de Bûterhoeke 3 yn Ljouwert. Of sneup en bestel online op www.afuk.nl.


Set it Frysk oan ‘e dyk en meitsje dyn duffe kontener in stik moaier mei dizze fleurige kontenerstikkers.

Leuk foar dysels, mar ek as kadootsje! € 14,95 it stik of in set fan trije foar € 30,00 Bestel se no yn de websjop fan PraatmarFrysk: www.praatmarfrysk.nl

mamatube

It bêste foar de bern?

educatief speelgoed

1 tube

leafde om op te bouwen! mem

Tel. 0518 - 82 02 02 info@prinskikker.nl www.prinskikker.nl

heit

7

jûntsjes út mei ynhâld

prate oer wat écht belangryk is yn in relaasje

6 outfits

mckollumerzwaag@live.nl


beppe har pop

“Wat wie it leuk om mei Thomas op de foto! Hearlik ûntspannend, in leuke fotografe en in moaie ôfsluting fan in drege perioade. Foarich jier hat nammentlik myn man kanker hân, gelokkich giet it no wer reedlik goed mei him. Doe hearden wy ek dat ús dochter yn ferwachting wie, dat wie hartstikke moai fansels. Mar spitigernôch wie it in hiele ûnrestige swangerskip. Se hie in soad bliedingen en moast faak nei it sikehûs. Thomas hat doe in protte by ús west. Op in sneontejûn is ús dochter mei 26 wike al befallen fan Myrthe, dy’t doe noch mar 825 gram woech. De oare moarn is myn broer stoarn oan kanker. En oft dat allegear noch net slim genôch wie, stoar myn skoansuske fjirtjin dagen letter oan kanker en kriich Myrthe mei trije wike in swiere operaasje oan har termkes. It giet no trouwens wer hielendal goed mei Myrthe. En ik bin hiel grutsk om beppe fan har, Lucas en Thomas te wêzen, mar poeh, wat wie dat in swiere tiid! Gelokkich wie der ek in ljochtpuntsje yn dy hiele perioade. Thomas hat nammentlik sân wiken by ús yn ’e hús west. Dêrtroch ha wy in hiele goeie bân opboud. Thomas is in hiel rêstich jonkje. Hy mei graach boekjelêze. ‘Thomas de trein’ en ‘De mol dy’t witte wol wa’t him op ’e kop skiten hat’ binne syn favoriten. Hy freget ek faak: ‘Beppe, mei ik op ’e pet?’ Hy wol dan op de iPad filmkes sjen fan ‘Thomas de trein’. Wy wenje echt hiel flakby, dus wy sjogge him hast alle dagen. En no ’t wy in jong hûntsje hawwe, giet hy faak even mei te kuierjen. It is echt in dikke skat!”

Namme: Alie Renkema-Mozes (56) Bisto pake of beppe en wolsto ek meidwaan oan dizze rubryk? Stjoer dan in foto fan dysels mei dyn pake- of beppesizzer nei: ynfo@heitenmem.nl.

en Thomas Borger (2,5) Wenplak: De Lemmer Surhústerfean Hobby’s: borduere en sjonge Relaasje: troud mei Kees Renkema

47


Voordelig kennismaken met de Friesland Post Post? Neem dan nu een proefabonnement op de Friesland Post en ontvang 3 edities voor slechts € 10,-! Friesland Post is hét magazine vol boeiende reportages, foto’s, verhalen over het heerlijke (buiten)leven in het heitelân en interessante artikelen over bijzondere Friezen.

Het abonnement stopt automatisch na 3 edities.

JA

s 3 editie hts c voor sle

€10,-

Ik wil graag voordelig kennismaken met de Friesland Post en ontvang 3 edities voor slechts € 10,Ik betaal via

incasso / € 10,-

accept-giro / € 12,-

Uw gegevens Naam

Adres

Postcode

Plaats

E-mail

Telefoon

Ik machtig Friesland Post om éénmalig het verschuldigde bedrag af te schrijven van (Post)bankrekeningnummer:

Stuur deze bon op naar (postzegel niet nodig) Friesland Post, Antwoordnummer 1646, 8440 WB Heerenveen Insturen via internet kan ook:

www.frieslandpost.nl

FRIESLAND POST_adv_204x270 mm_fc_halfjaarabonn_heitenmem_jul2013_afl.indd 1

24-06-13 09:46


Heit & Mem nr. 3 - 2013