Page 1

GRATIS EN FERGEES me i y m ni m

hOE kIEs Ik In BasIsskOallE? GrIjZE wOlk t We nne n a a n he moe d e rscha p

dIsCalCulIE is meer dan niet goed zijn in rekenen

NR. 02 - 2013


de Zorg van één Kraamzus t 0513 418888 • www.kraamzus.nl

Catalpa Catalpa Kinderopvang Kinderopvang

Lezen en voorlezen prikkelt de fantasie, ontwikkelt taalgevoel en bezorgt kinderen veel plezier.

Meertalige kinderopvang, Fries en Nederlands!

Meertalen nu – meer kansen voor later Op onze gezellige locaties krijgen kinderen de talen aangeboden oa door voorlezen, liedjes en gesprekjes. Het geeft een extra stimulans aan hun ontwikkeling. Juist daardoor krijgen zij iets extra’s mee voor later. T 0800-0743 (gratis), www.catalpa.nl

(voor)lezen is leuk! Nieuwsgierig wat wij voor de kleintjes (gratis) te bieden hebben? Loop binnen bij de bibliotheek of kijk op ontdekdebieb.nl


In goeie heit wêze is lykas skearen. It makket neat út hoe goed ast dy hjoed skeard hast, moarn moatst it wer dwaan.

3


ke dieuw

r Meer van de

B E r n st

Redaktrise Dieuwke van der Meer kaam foar dit nûmer mei it ûnderwerp ‘De grijze wolk’ (side 12). “No’t ik sels ek ûnderfûn ha dat de wolk yn it skoft nei de befalling net altyd rôze is, fûn ik dat wy dêr ek in artikel oer ha moasten yn de Heit & Mem. Skriuwster Femke Jaarsma hat memmecoach Grietje Meulenaar ynterviewd en der in prachtich ferhaal fan makke. Wat werkenber allegear! It wurdt tiid dat wy memmen ris tajouwe dat it net sa maklik is, dat mem-wêzen!”

m noord Ci s k a

ans

Redaktrise Ciska Noordmans hat it artikel oer de fytshelmen skreaun (side 24). “De fytshelm is sa’n ûnderwerp dêr’t elkenien braaf by knikt: ‘jawis, hiel ferstannich sa’n helm te dragen.’ Us bern wolle wy noch wol ien op ’e holle sette, want tsjintwurdich binne der hiele moaie. Mar wolle wy sels ek it goeie foarbyld jaan? Us fêste kollumnist Tjalling de Vries, berne-arts yn it MCL, docht it no wol (side 33). Elk jier binne der goed tritich bern, in klasse fol, dy’t it net oerlibje. My gongen de eagen iepen, no noch nei de fytswinkel ta.”

r u i n sm

a

Haadredakteur Ernst Bruinsma: “As âlder moatte jo allerhanne besluten foar de bern nimme. Ien fan de earste is it kiezen fan de goede skoalle. Marrit de Schiffart skreau der in artikel oer yn dit nûmer (side 36). It heucht my noch goed dat wy tige oerfallen waarden troch dy fraach. By eintsjebeslút hawwe wy in kear by de basisskoalle op besite west en goed om ús hinne sjoen. It wie in âlde skoalle, mar der soe gau in nije skoalle komme. Dy nije skoalle is ôfrûne desimber iepene. Foar ús dochter stiet no de folgjende stúdzjekar al hast op it program…”

C a r ol i

en hoe

k st r a

Carolien Hoekstra is nij by de redaksje en is gek op berneboeken! “Lêze mei bern… foar my ien fan de moaiste dingen om te dwaan. Hearlik mei in boek en sa’n lyts minskje tsjin dy oan op skoat lêze, sjen, wize en prate oer alles wat se hearre en sjogge. Dêrom fyn ik myn wurk sa moai: de hiele dei tusken de Fryske printeboeken. It lûdeboekje fan de berneboekeside (side 27) haw ik mei útsocht op de Bologna Children’s Book Fair en is dêrnei thús troch myn eigen lytse man úttest. In wille dat hy der mei hie! Dus doe’t ik frege waard foar de redaksje fan Heit & Mem, koe dat boekje net ûntbrekke!”

kolofon korreksje: Ytsje Steen-Buwalda info@sekuer.nl redaksje Carolien Hoekstra Ciska Noordmans Dieuwke van der Meer Tineke Smidt haadredakteur: Ernst Bruinsma Meiwurkers: Femke Jaarsma Thea van der Schaaf Marrit de Schiffart Tineke Smidt Aukje Mulder Marieke Vinckers Nyk de Vries Tjalling de Vries Nynke van der Zee

4

redaksje-adres/ útjouwer: Afûk Postbus 53 8900 AB Ljouwert www.afuk.nl e-mail: ynfo@afuk.nl / ynfo@heitenmem.nl tel.: 058 - 234 30 70 printwurk: Senefelder Misset, Doetinchem www.senefelder.nl info@senefelder.nl tel.: 0314 - 35 55 00 Yllustraasjes: Natascha Stenvert (siden 20, 36, 40)

foarmjouwer: BW H ontwerpers www.bwhontwerpers.nl info@bwhontwerpers.nl tel.: 058 - 213 35 43

distribúsje: Heit en Mem wurdt fergees ferspraat yn in oplage fan 35.000 eksimplaren. Der wurdt wurke neffens in redaksjestatút dat boarch stiet foar de ûnofhinklikheid fan de redaksje.

fotografy: Het Hoge Noorden www.hogenoorden.nl info@hogenoorden.nl tel.: 058 - 215 79 66

Dizze Heit en Mem is it twadde nûmer dat yn 2013 ferskynt fan dizze rige. Heit en Mem is in meartalich tydskrift en spesifyk rjochte op âlders mei bern yn Fryslân. Heit en Mem is fergees te krijen by boekhannels, bibleteken, gemeentehuzen en yn oare iepenbiere romten. Sjoch foar de ferspriedingslist op www.heitenmem.nl.

Fotografie Lydia www.fotografielydia.nl info@fotografielydia.nl tel.: 06 - 25 135 898

abonnemint Mei in abonnemint op it blêd Heit en Mem wurde jo foar € 10,trije nûmers tastjoerd. Sjoch op www.heitenmem.nl foar mear ynformaasje. ISSN: 1878-4437 Heit en Mem kinst ek folgje fia: Utjûn mei stipe fan de provinsje Fryslân.


Ynh창ld nr. 02 43

Leve de Lente

16

HEIT&MEM-Beurs

28

De wr창ld fan Yke Reeder

24

In fytshelm op

04 Kolofon

27

Berneboeken

06

Heit en Mem Post

28

De wr창ld fan Yke Reeder

08

Foliumsoer

32

Heit en Mem Boeken

11

Swier & Swiet

33

Kollum Tjalling de Vries

12

Het grijze wolk gevoel

35

Read hier

14

Bern

36

Hoe kies ik in basisskoalle

16

HEIT&MEM-Beurs

40

Discalculie

18

De museumbende

42

Fotowedstriid Bern & de earste kear

20

Bernepraatsjes

43

Leve de Lente

21

Kollum Nyk de Vries

44

Peter sammelet munten

22

Yn ferwachting

47

Pake syn pop

03

Spreuktegel

5


hEIT & MEM pOsT Yn augustus komt it folgjende nûmer fan Heit & Mem út. Wolsto wat oan ús kwyt? In bysûnder ferhaal, in moaie foto, in goeie tip of gewoan dyn miening ergens oer? Mail it ús of stjoer it op! ynfo@heitenmem.nl Heit & Mem Postbus 53 8900 AB Ljouwert. Of sykje ús op fia Twitter of Facebook.

oeps! Mijn vijfjarige zoon moest naar school maar treuzelde nogal. Ik zei nog dat hij nu echt op moest schieten, omdat we anders te laat zouden komen. In alle haast stapte ik op de fiets en reed weg, toen ik achter me hoorde: ‘Méém! Ik moat ek mei oars kom ik te let op skoalle!!!’ Oeps! Vergeten zoonlief op de fiets te zetten…

Ik probearje it te begripen, hoe’t it no krekt sit. Mar ik leau, dat ik no it noch net echt rjocht wit. It is foar my hast net te leauwen hoe’t ús grutte winsk, no ynienen efter myn nâle feroaret yn in minsk.

57% Fan de besikers op heitenmem.nl is troud.

Sonja Rintjema

skuontsjes Fan mem Dit is ús Juda, op ’e foto 5 moanne âld. Hy hat de skuontsjes oan dy’t syn mem eartiids oan hân hat. Mei in ‘âlderwetske’ outfit derby is it plaatsje hielendal kompleet, stiet it net prachtich? Wy binne yn elts gefal tige grutsk op ús moaie Juda! Otte en Reinate Verbeek út Blije

Ik probearje it te begripen mar it bliuwt dochs gek, om in berntsje sa te dragen flak ûnder dyn hert. Och ja, ik wit wol ’t is natoer. It heart der allegear by. Mar moatst ris hearre, ’t is dochs apart, der groeit in bern yn my! Anonym

op deZelFde daG Mijn vriendin Femke en ik waren rond dezelfde tijd uitgerekend. Ik op 27 september en zij op 2 oktober. Op 2 oktober stuurde ik Femke, tijdens mijn weeën, een berichtje om haar succes te wensen. Want het zou bij haar nu ook écht niet meer lang duren. Zij belde als reactie op dat berichtje terug met de mededeling dat ze net bevallen was van een gezonde zoon: Wisse Jorrit! Ik kon haar maar heel even spreken, want ik kreeg toen weer een wee. Mijn man nam de telefoon over en vertelde dat ik ook in het MCL was, omdat de bevalling was begonnen. Uiteindelijk zijn wij nog op kraambezoek geweest bij Wisse, terwijl ik 7 cm ontsluiting had, zo bleek bij terugkomst op de verloskamer! Later op de dag ben ik bevallen van een gezonde zoon: Helmer Niels. Allebei op dezelfde dag geboren in hetzelfde ziekenhuis met beide een mooie Friese naam! Wat een toeval! Groeten van Petra Sterkenburg-Postma Links Wisse, rechts Helmer (7 weken)

6


op de CoVer

net Foar de pop Ylse Hamstra is 13 maart 1 jier wurden en doe hat se in prachtige poppewein krigen. Mar wat docht se…, se giet der sels moai yn sitten! Want sa kin har grutte broer Sydo har moai triuwe!

Op de cover stiet Hidde Wilko (2,5 jier) út Brantgum. De fotoshoot by Fotografie Lydia fûn er geweldich. Hy hat earst klean past by Schweigmann út Ljouwert en alles stie him like moai! Uteinlik is dit it wurden. Mar it petsje op de foto hjirneist is net fan Schweigmann, dat is nammentlik syn pakepetsje. Itselde as dat pake ophat. Hidde Wilko is gek op trekkers en hakselders en hy fynt Piet Piraat ek hiel leuk. Mar it allerleukste fynt er dat er hast grutte broer wurdt fan in twilling!

poppe Fan de moanne!

Lieuwkje Anema, Wergea

brÛk #heitenmem op twitter en Fyn dyn tweet werom yn de heit & mem! Febrewaris @HiskeKuipers: @HeitenMempuntnl Mei hurdrinklean út it pashokje komme en de krekt-4-jierrige seit: Mem, wat bist moai, likest wol in prinses! #kompliment

@JanneSkriuwt: "Hee, heit.., doe hie heit noch rimpels op de búk!" Tsja, no stiet ie strak... #heitenmem

@Nathallie261: Jonathan (6) sjocht in auto fan it merk Rover. ‘Muoike, @IngridDeVM: Mooi stuk bestiet der ek in Jagervan @AnnieSchilstra in auto?’ #heitenmem @HeitenMempuntnl @skiffie1977: Binne it de pankoeken of is it de @Hooghiemstra: snie? Us pjut frege syn In moai stikje yn #heitenmem ûnder iten #HeitEnMem oer de oft hy de poeiersûkerbus Kening fan Juster fan fan bûten wolris brûke de skriuwer en tekener mocht. @paulschrijft

Ferre Folke Kruithof (12 wike) út Burdaard

ma art Yfke Brecht Bremer (5 moanne) út Dronten

Tialda Talsma

april

(2 moanne) út Snits

Fynsto dat dyn soan, dochter, beppesizzer, omkesizzer, buorjonkje of buorfamke ek de moaiste poppe fan de wrâld is? Mail dan in foto nei ynfo@heitenmem.nl en wa wit stiet dyn foto in skoftsje letter as poppe fan de moanne op heitenmem.nl en krije jo it nijste Fryske berneboek tastjoerd!

7


Thea van der Schaaf

Meidwaan oan FoliumzuurExtra:

Foliumsoer ynnimme foar de wittenskip

en foar de memmen en bern fan de takomst

Dat it goed is om foliumsoer yn te nimmen as wy swanger wurde wolle, witte wy allegear eins wol. En dat it wurket tsjin oanberne ôfwikings is wittenskiplik bewiisd. No, sa’n 20 jier nei de ûndersiken dy’t de basis lein hawwe foar it advys om dêrom foliumsoer yn te nimmen, fan fjouwer wiken foar konsepsje oant tsien wiken swangerskip, is der in nij ûndersyk geande. Mei it ûndersyk FoliumzuurExtra wurdt besjoen wat it effekt is as froulju mear en langer foliumsoer ynnimme. 8

Fenneke Blom, fan it VU Medisch Centrum yn Amsterdam, is oanjeier fan it ûndersyk, dat sûnt july 2012 rint. ‘Dát foliumzuur werkt is duidelijk, het is al heel lang bekend dat foliumzuur de kans op een baby met een open ruggetje verkleint. Maar mogelijk maakt een hogere dosering foliumzuur die kans nog kleiner. Ook zou foliumzuur kunnen helpen bij het voorkomen van andere aandoeningen, zoals een aangeboren hartafwijking bij het kind of zwangerschapsvergiftiging bij de moeder. Dat is wat we met het


Wat is foliumsoer? Foliumsoer is itselde as fitamine B11 en kin al foar de konsepsje ynfloed hawwe op oanberne ôfwikings by poppen. It piltsje dat in frou alle dagen ynnimt, of it foliumsoer yn in multyfitamine, is de keunstmjittige fariant. Folaat is itselde as foliumsoer, mar dan de natuerlike fariant, dy’t foaral werom te finen is yn blêdgrienten. Mar wol it foliumsoer effekt hawwe, dan is in keunstmjittige foarm needsaaklik. Om genôch foliumsoer út it deistige miel te heljen soenen wy 650 gram sprútsjes op in dei of 30 stikken brune bôle ite moatte. Dat is fansels net te dwaan en dêrom is it lanlike advys foar froulju mei in winsk om swanger te wurden, om deis 0,4 mg foliumsoer yn te nimmen.

onderzoek FoliumzuurExtra willen onderzoeken.’

Der binne 5000 froulju út Noard-Nederlân nedich foar it ûndersyk. Foar it ûndersyk binne 5000 froulju nedich dy’t fan doel of dwaande binne om swanger te wurden. Sy moatte yn Fryslân, Grinslân of Drinte wenje. En dat is net foar neat. Fenneke’s kollega Tamar Kruit fertelt: ‘Nergens anders in Nederland worden gegevens over aangeboren aandoeningen zo nauwkeurig geregistreerd als in Noord-Nederland. Eurocat in Groningen is daar verantwoordelijk voor en hun database vormt daarmee een nauwkeurige en zeer betrouwbare bron van gegevens voor ons onderzoek. Omdat aangeboren aandoeningen - gelukkig - weinig voorkomen, heb je een grote onderzoeksgroep nodig om iets te kunnen zeggen over het effect van foliumzuur op het voorkómen daarvan. Als we dit soort onderzoek in verschillende landen doen, kunnen we de resultaten samen bekijken en met nog meer zekerheid iets zeggen over het effect. Er wordt daarom gezocht naar gebieden waar het onderzoek ook gedaan zou kunnen worden. Maar op dit moment zijn alleen in een gebied in Italië de omstandigheden, ook wat de financiën voor het onderzoek betreft, net als in Noord-Nederland goed genoeg om het onderzoek te kunnen doen.’ Kirsten en Daniël út Stiens binne heit en mem fan Dominique (3) en soene graach

in twadde berntsje ha wolle. Kirsten docht mei oan it ûndersyk FoliumzuurExtra sûnt jannewaris fan dit jier. ‘Ik haw earder oan ûndersiken meidien, ús dochter heart net goed en hat sûnt sy fjouwer moanne wie in gehoarapparaatsje. Mei ferskillende testen is ûndersocht wat der foar har mooglik is op it gebiet fan taalûntwikkeling. Troch mei te dwaan oan ûndersyk en sa wat bydrage te kinnen foar oare âlden dy’t dêr ek mei te meitsjen krije, is in geweldich gefoel. Ik hoegde dan ek net lang nei te tinken doe’t ik in brief fia de apoteek krige oer it ûndersyk FoliumzuurExtra. It wie foar my al in gewoante om foliumsoer yn te nimmen, meidwaan oan it ûndersyk betsjutte eins net mear as mei dy gewoante trochgean - mar dan op de eftergrûn, want dêr fernimst echt neat fan - folge troch in ûndersyksteam, en it ien kear per kwartaal ynfoljen fan in fragelist. It ûndersyk die my betrouber oan, nettsjinsteande datst net witst hoefolle foliumsoer ast deis ynnimst. Mar de dosearring is altyd ferantwurde en tefolle ynnimme kin eins net. Dêrom doarde ik it wol oan. Dat de útkomsten fan it ûndersyk wat betsjutte kinne foar de memmen en bern fan de takomst, is foar my belangryk.’ Tamar en Fenneke slute harren dêr graach by oan. Tamar, oplaat as ferloskundige: ‘Met dit onderzoek dragen we bij aan de zorg voor zowel moeder als kind. Er zijn aanwijzingen dat een hogere dosis foliumzuur een nog groter beschermend effect heeft dan tot nu toe bewezen is. Dat we met dit onderzoek een duidelijk bewijs hiervoor kunnen vinden en daarmee de gezondheidsadviezen eventueel kunnen

aanpassen, dat vind ik mooi.’ Fenneke: ‘Dit onderzoek heeft een duidelijk doel, je weet waar je het voor doet.’

Wat betsjutte kinne foar de memmen en bern fan de takomst, dat is foar my belangryk. Kirsten is ien fan de 300 froulju dy’t op it stuit meidogge oan FoliumzuurExtra. It ûndersyksteam is hurd op syk nei mear dielnimsters. Fenneke: ‘Het is natuurlijk een moeilijke doelgroep om te bereiken. Een kinderwens houd je vaak voor jezelf of binnen het gezin. En er is geen instantie die we kunnen benaderen waar een lijst met potentiële deelneemsters bekend is.’ Dêrom wurde froulju safolle mooglik wiisd op it ûndersyk fia apoteken, de media en posters by bygelyks ferloskundigen en pjutteboartersplakken. Ek wurdt der besocht froulju dúdlik te meitsjen dat sy al yn in hiel betiid stadium meidwaan kinne oan it ûndersyk. Tamar: ‘Het is al een paar keer voorgekomen dat een deelneemster binnen vier weken na de start met het onderzoek zwanger raakte. Helaas kan ze dan niet meer meedoen aan het onderzoek omdat het foliumzuur langer de tijd nodig heeft om aantoonbaar zijn werking te kunnen gaan doen. Daarom roepen we vrouwen die geïnteresseerd zijn op om zich aan te melden zodra ze weten dat ze willen beginnen met het waarmaken van hun kinderwens. Je kunt dus bijvoorbeeld al meedoen wanneer je weet dat je over drie weken gaat stoppen met de pil.’

9


De onderwijsbegeleidingsdienst voor alle vragen van ouders en school rondom leren en opvoeden

SUMMER 2013 www.schweigmann.nl

Ideeën en resultaten

Schuimletters of - figuren

Geborduurd (baby-) textiel

Superzachte knuffels

www.creamira.nl Kadobonnen

Diverse kraammanden

en nog veel meer....

Kids fashion. Topmerken en topservice. Online deals, inspiratie en de nieuwste collectie. www.schweigmann.nl

Voedings- en gewichtscoach Corrie Nauta Op een verantwoorde manier afvallen. Voor kinderen en volwassenen. Zeer voordelige tarieven. Consulten ook mogelijk op zaterdag of ’s avonds

Skier 2, 9271 HJ De Westereen, 0511-447812, 06-19152850

www.corrienauta.nl

Nieuw van Isis ZwangerschAppAssistent

Jouw coach rondom de kraamtijd T 088 512 2000 • www.isiskraamzorg.nl

isis ADV 204 x 64_hait en mem_v120221_DEF.indd 1

 in de App Store op Android Market

21-02-12 14:24


swIEr & swIET mamatube Dit is pas handig voor de zwangeren onder ons! Een 6-in-1 jurkje waarmee je er tijdens je hele zwangerschap leuk en hip uitziet. Voor elke gelegenheid een andere outfit! En daarnaast is het ook nog eens fijn voor je buikbanden en je bekken. Te bestellen voor € 39,95 via www.wikibebia.nl. Wil je de Mamatube graag winnen? Kijk dan snel op www.heitenmem.nl!

made by mildred Van unieke handgemaakte kraamcadeautjes tot iPad-sleeves. Mildred maakt ze voor je of je maakt ze zelf tijdens een gezellige workshop bij je thuis. Bijvoorbeeld dit lieve uiltje van wolvilt. Voor het slapengaan speelt hij een liedje om lekker te kunnen dromen! Kijk op www.madebymildred.nl.

tsjilp tsjilp Fûgeltsjes binne hip. En dat is gjin wûnder, want se binne ek sa leuk om nei te sjen! Dêr is dyn lytse pop it grif hielendal mei iens at hy of sy dizze fûgeltsjes yn de bernewein hingjen hat. De fûgeltsjes rammelje sacht. En wat hielendal moai meinommen is, is dat dizze berneweinspanner fairtrade is en makke fan biologyske materialen. Foar € 24,95 te bestellen fia www.pippajolie.com.

hippe ZooGCompressen Geef je borstvoeding of ben je dat van plan? Deze vrolijke Myllymuksut-zoogcompressen zijn wasbaar en dus een stuk beter voor het milieu dan wegwerp-zoogcompressen. Ze zijn er in veel verschillende printjes, maar ook in effen kleuren. De compressen hebben een ademende maar waterdichte buitenlaag. Voor € 5,90 per set te bestellen via www.borstgevoed.nl.

miX&matCh kado Op www.mmkado.nl fynst in miks fan nije en selsmakke produkten. Dizze libbensbeam kinst bygelyks moai brûke by it dopen of in kreamfeest, troch de winsken foar de poppe yn de beam hingje te litten. Fansels ek leuk om te dekorearjen mei hartsjes, blomkes of foto’s. De libbensbeam is te krijen fan € 24,95 ôf.

11


Femke Jaarsma

Het ‘grijze wolk’gevoel  Wennen aan het moederschap 12


Na de geboorte van je kind zit je als moeder automatisch op een roze wolk. Althans, als je de vele ‘kind & ouder’-bladen moet geloven. Dolgelukkig ben je met jouw pasgeboren wondertje en daar veranderen tepelkloven en een paar korte nachten niets aan. Toch kan de realiteit flink tegenvallen. Volgens Grietje Meulenaar van coachingsbureau Grip op Moederschap in Weidum leven we tegenwoordig in een maatschappij waarin we vaak zeggen dat het goed gaat, ook als dat niet zo is. En wanneer je vertelt over hoe het echt met je gaat, krijg je vaak te horen: ‘Oh, dat heb ik ook gehad, hoort er gewoon bij.’ Maar horen die sombere gedachten, oververmoeidheid, twijfels, een gevoel van falen er dan inderdaad bij? Is dat nou ontzwangeren? Het lijkt erop dat praten over deze gevoelens taboe is. ‘Uit onderzoek blijkt dat 10% van de vrouwen een depressie heeft, variërend van direct na de bevalling, maar ook tijdens de zwangerschap, tot 1,5 jaar na de bevalling’, vertelt Meulenaar. Met haar bureau coacht en ondersteunt zij prille moeders die het moeilijk hebben.

De realiteit kan flink tegenvallen. Ik voelde me helemaal niet gelukkig Tineke Feenstra (30) uit Leeuwarden leefde tijdens haar zwangerschap wel op een roze wolk. ‘In de boekjes die ik las, stonden bijna alleen maar positieve ervaringen over het moederschap. Ik keek er ook echt naar uit!’ Na de bevalling donderde ze van die roze wolk af. ‘Sommige vrouwen voelen zich gelijk moeder na de bevalling maar dat had ik niet.’ De borstvoeding ging bij Tineke op zich goed maar ze vond er gewoon niks aan. ‘Ik voelde me helemaal niet gelukkig en vond dat raar.’ Omdat ze in het verleden een burn-out heeft gehad, gingen gelijk alle alarmbellen rinkelen. Haar psycholoog bevestigde dat ze een postnatale depressie had. Tineke kreeg veel steun van man, familie en vrienden maar toch vond ze het eerst moeilijk om, vooral aan zichzelf, toe te geven dat het niet zo goed met haar ging. ‘Ons kindje was gezond, we hoorden toch gelukkig te zijn? Maar toen ik het rotgevoel bij mezelf toeliet, kon ik er makkelijker over praten.’

Tips voor prille moeders en vaders: • Zet jezelf bij het krijgen van een kind voorop! Eet goed, probeer goed te slapen, maak tijd voor jezelf en voor je relatie. Je kind is het beste in zijn hum wanneer jij dat ook bent. • Blijf met je partner praten over wat je voelt en denkt. En geef aan wat je van je partner verwacht; een luisterend oor in plaats van een oplossing. • Zet hulptroepen in. Een middagje/avondje weg doet wonderen. • De belangrijkste: accepteer dat het even is zoals het is. Dat is de eerste stap naar ontspanning en positievere ervaringen, gedachten en gevoelens. Dit is een fase en het wordt allemaal weer makkelijker.

De grens tussen een postnatale depressie en moeite hebben met het moederschap is lastig te stellen, volgens Meulenaar. ‘Er zijn vrouwen die tot de risicogroep behoren; zij zijn gevoeliger voor depressies.’ Maar juist bij die andere groep vrouwen, bij wie geen eenduidige diagnose te stellen is, lijkt er een taboe op te rusten. En de buitenwereld maakt jonge moeders soms alleen maar onzekerder, met de vele meningen en adviezen. Esther Sluiter-Hekman (31) uit Kollumerzwaag zat ook op een grijze wolk na de bevalling van haar zoon. ‘Niels wilde niet meer bij me drinken en werd heel suf. Na consult van een lactatiedeskundige ben ik doorgegaan met borstvoeden. Maar Niels wilde gewoon niet en huilde erg veel.’ Esther vertelt dat ze geluk had als het een paar uur stil was in huis. Voor de buitenwereld hield ze zich groot. ‘Ik schaamde me. Zeg nou eerlijk, welke moeder geniet nou niet van haar kind?’ Een ‘leuk leven’ hebben Grietje Meulenaar legt uit dat veel moeders gevoelens van onzekerheid ervaren. ‘Er verandert veel bij het krijgen van een kind; je lijf, het ineens zelf ouder zijn met alle verantwoordelijkheden die daarbij horen, je relatie ten opzichte van je partner, het combineren van werk en gezin en alle vrijheden die je voorheen ervoer. Dit vraagt van iedere vrouw, maar ook van de

man, een omschakeling die bij de één wat gemakkelijker verloopt dan bij de ander. Verena (35) uit Leeuwarden wist wel dat het moederschap meer inhoudt dan wat je in de media voorgeschoteld krijgt, maar kreeg het toch moeilijk. ‘Ik had nog nooit een luier verschoond of een huilend kind in handen gehad. Dus toen we thuiskwamen uit het ziekenhuis, wist ik niet goed wat de bedoeling was.’ Vrouwen die hoge eisen stellen aan zichzelf en aan het leven, hebben volgens Meulenaar een grotere kans op het krijgen van een postnatale depressie. ‘Daarnaast willen we graag allemaal een “leuk leven” hebben met veel vrienden, vakanties, een goede baan, hobby’s etc. Het krijgen van een kind zet dit “leuke” wereldje soms even op zijn kop.’ Verena ervaart het vinden van balans tussen werk, gezin en ‘tijd voor jezelf’ als een uitdaging. ‘Het is elke keer opnieuw bekijken wat het beste is voor je gezin, maar alles is te leren’, vindt ze. ‘Dus ook genieten van nu.’ Esther geniet inmiddels volop van haar gezin. ‘Niels is een lieve jongen met een pittig karakter, maar dat past wel bij ons.’ Dat genieten is niet zo vanzelfsprekend, vindt Tineke. ‘Ik zeg nooit meer tegen mensen die net een kindje hebben gekregen, dat ze moeten genieten. In plaats daarvan zeg ik dat ze eerst maar eens rustig aan de nieuwe situatie moeten wennen.’

13


BErn knippe knippeknippe!

FleuriCh paspoart

Op www.homemadehappiness.nl fynst prachtige, printbere knipfellen. Leuk om te brûken foar traktaasjes, bernefeestjes of as kadoferpakking. Keapje en download in knipfel, print dat út en: knutselje mar. Mei bygelyks dit kabouterke wurdt it cakeje wol hiel feestlik!

Bern kinne fan 2012 ôf net mear byskreaun wurde yn heit of mem har paspoart. Dêrom moatte se har eigen paspoart ha. Foar wa’t dat saaie dokumint wat oanklaaie wol, binne by www.funtastix.nl dizze paspoarthoeskes te krijen. Sa is it paspoart maklik herkenber en bliuwt it netsjes!

poppeweintsje Wat is der moaier as efter sa’n moai poppeweintsje rinnen te learen of dêr dyn pop yn te ferfieren. Dizze poppeweintsjes binne der yn ferskate útfieringen fan it merk ‘New Classic Toys’. Under oaren te bestellen fia www.poppenwagen.com. € 62,95

bouwe mei de natoer In toer, in hûske of in boarterstún… It is allegear te meitsjen mei dizze natuerlike boublokken fan www.mijnhemeltje.nl. It bouwen mei dizze 40-delige splinterfrije set stimulearret de motoaryske feardichheden en it romtlik tinken fan it bern. Te keap foar € 24,95.

14

super belleblaas Hjir in resept foar supergrutte bellen. Nim 150 ml ôfwaskmiddel, 100 gr sûker, 2 liter wetter en 5 à 10 gram behangplakselpoeier. Fierder hast twa stokjes en twa fiters/toutsjes nedich. Los yn in bytsje waarm wetter de sûker op en doch it by de rest fan it wetter. Ofwaskmiddel en behangplaksel derby en dêrnei goed riere! Knoop de fiters tusken de stokjes oan de topkes fêst. De boppeste fiter stiet strak en de ûnderste hinget yn in lus. Helje se foarsichtich troch de superbelleblaas en dan mar swaaie … de superbellen fleane dy om ’e earen.


GeZonde ijsjes De zomer komt er weer aan! En daar hoort natuurlijk ijs bij! Helaas is dit niet altijd even gezond, maar dat kan anders! Als je rijpe bevroren bananen pureert, worden ze omgetoverd tot een mooi glad, schepbaar, zacht ijs, dat zowaar aan roomijs doet denken. Als je er dan bijvoorbeeld wat bevroren bosvruchten, pure cacao, gehakte noten of een lepel pindakaas in de blender doorheen doet, en vervolgens een scheutje (soja)melk, heb je gegarandeerd een heerlijk én gezond ijsje. Je zult zien dat de kinderen er gek op zijn!

eCoFashionista’s! Duorsumens is hip, ek yn de moadewrâld. Minsken fine duorsumens belangryk, mar ienris yn ’e winkel jouwe priis en kwaliteit de trochslach. Fandêr ek dat de moadeûndernimmers noch net sa hurd rinne. Bisto in seldsume eco-fashionista? Sjoch op www.fairfibers.nl

babys werkenne har memmetaal Popkes kinne fan de berte ôf ûnderskied meitsje tusken de klanken fan har memmetaal en dy fan in frjemde taal. Yn de liifmoer (baarmoeder) begjinne babys al taal op te nimmen. De ynteresse foar de eigen taal of in oare taal is troch ûndersikers metten fia in sobberke dat oansletten wie op in kompjûter. By de frjemde taal sûgden babys langer oan de styk as by de memmetaal. Boarne: ûndersyk Pacific Lutheran University, Washington

skatten as wurden, wurden as skatten Voor kinderen is het niet alleen leuk om apps te gebruiken, het kan ook heel nuttig zijn voor hun taalontwikkeling. Prentenboeken dragen in belangrijke mate bij aan de ontwikkeling van de woordenschat, doordat de tekst die daarin gebruikt wordt gevarieerder is dan spreektaal. ‘Levende boeken’, ook wel videoboeken genoemd, zijn bijzonder effectief. Download de app ‘Digitale prentenboeken’ of de Fryske apps ‘Knipperke’ of ‘Tomke.’

waarom Friesland niet oVerstroomt It Woudagemaal wûn dit jier de priis foar it leukste útstapke yn Fryslân. It besikerssintrum en de rûnlieding troch it grutste stoomgemaal fan ’e wrâld dat noch wurket, is in belevenis. Bern wurde troch haadmasinist–stripfiguerke Jelle Terpstra bypraat oer it gemaal. Wannear is it mienens mei it hege wetter, moatte de driuwtsjillen (‘vliegwielen’) draaie en de stoompypkes blaze?

15


Hawwe jim der ek sin oan, de Heit & Mem-beurs? Wat kinne jim ferwachtsje?

beurs De beurs is in dei op stap foar alle heiten en memmen, pakes en beppes en bern fan elke leeftyd. Der is oppas, der binne stille romten om in fleske te jaan of dyn berntsje oan te lizzen, en hoekjes om de lytskes te ferskjinjen. En fansels is Tomke ek fan ’e partij. Wat âldere bern kinne oan ’e slach mei workshops, foarlêsaktiviteiten en teater, wylst heit en mem lekker strune kinne. It wurdt in leuke miks fan ynformaasje, shoppen en ferwennerij. Wolsto no bygelyks wolris fan in prof hearre oft sjongen ek goed is foar de taalûntwikkeling of foar de fantasij? Karin de Liedjesmamma kin dy dêr mear oer fertelle. Of bisto yn ferwachting en hast in fraach foar de kreamhulp, of bist op syk nei dat iene boek?

16

25, 26 en 27 oktober yn it WTC Expo yn Ljouwert

Heit hoecht net allinne mei om de tas en de jas te sjouwen, ek foar him ha wy fan alles betocht. Praktyske saken litte de measte froulju graach oan de mannen oer… Lit him ris by Henk Miedema fan Hout Speeltoestellen útfine wat better by jim past, in boartershúske fan hout of fan keunststof.

voor ’s, s r eu pa de b a’s, pa mam n oma’s e l l a se opa’


karin de liedjesmamma

Mijn naam is Karin Holscher. Ik ben moeder van drie geweldige kinderen. Toen mijn zoon Hugo 5 jaar was, moest hij naar groep 3 om daar te leren lezen en schrijven. Hugo is een erg vroege leerling en hij was hier op zijn 5e jaar nog niet rijp voor. Hugo werd ‘overvraagd’ en binnen een paar weken zag ik mijn extroverte wildebras veranderen in een stil ongelukkig jongetje dat thuis niet meer mee durfde te zingen en te dansen met zijn zusjes. Ikzelf heb een belangrijke uitlaatklep: liedjes schrijven. Dus ik dacht: misschien helpt dat Hugo ook. Ik ga een SUPERGAAF lied schrijven over zijn lievelingsdier: de YAK! En ik maak het lied ZO GAAF dat hij wel mee MOET zingen! Diezelfde middag schreef ik de eerste coupletten van het lied over een YAK, die het eten van zijn moeder niet lekker vindt en op reis gaat, de wijde wereld in! Daar proeft

hij allemaal bijzondere gerechten, maar na een tijdje vindt hij dat ook niet meer lekker … jakkibah! Dus gaat hij naar LUILEKKERLAND… Ik zat samen met mijn kinderen aan de keukentafel en vroeg: “Hoe ziet Luilekkerland eruit?” Nou, dat wisten mijn kinderen me haarfijn te vertellen: “Er hangen dropjes in de bomen, het regent limonade, er is een pannenkoekenstrand en er bloeien chocoladebloemen in het gras….” Zo schreef ik mijn eerste kinderliedje samen met de kinderen. En Hugo was TROTS, ZO TROTS op ZIJN liedje! Binnen een jaar schreef ik meer dan 30 liedjes.

voor projecten op school, voor TOMKE en voor speciale gelegenheden. En Hugo is ZO TROTS: “Dit komt allemaal door MIJN liedje, hè mamma?”

De liedjes van Karin de Liedjesmamma kun je beluisteren op:

www.liedjesmamma.nl

Inmiddels heb ik drie liedjesboeken uitgegeven onder de naam ‘Karin de Liedjesmamma’. Binnen een jaar heb ik meer dan 4.000 boeken verkocht en inmiddels word ik ook gevraagd om liedjes te schrijven voor een musical,

urs.nl e b m e m n e it e w w w.h hout speeltoestellen

Henk Miedema fertelt: ‘De ûntwerpen fan de houten boarterstastellen betinke we sels, mar ek de útfiering en it pleatsen dogge wy sels. We ha ûnderwilens in soad ûnderfining mei boarters- en klimtastellen foar iepenbiere boarterstunen en pjutteplakken. Dy kennis brûke wy no wer foar ús nije kolleksje boartershúskes Hans en Grietje, dy’t foar eltsenien bedoeld is. Elk ûntwerp moat oanslute by ús fisy “boartsje, bewege en ûntwikkelje”. Wy begjinne dan ek net samar te bouwen, dêr wurdt earst goed oer neitocht. Earder wurke ik yn de âldereinsoarch as lokaasjedirekteur, dêr wurken wy neffens itselde konsept: earst in fisy ûntwikkelje en dan oan ’e slach.

d ie

n d e re e ie r o o den en v il wor w je t er een

Sa ha wy bygelyks yn it boartershúske in rútsje makke mei in krús. Dat krús sjocht der net allinne hiel aardich út, it ferhinderet ek dat bern troch it rútsje krûpe en mei de foet of, noch slimmer, mei de holle dêryn stykjen bliuwe. It giet ús derom dat de bern har fantasij brûke kinne; bern meie graach de grutteminskewrâld kopiearje om grip te krijen op in sitewaasje en dêr besykje wy op yn te spyljen by al ús ûntwerpen. Dêrom betochten wy dat der yn it húske in

iepening komme moast. As de bern heiten-memke boartsje is it in rút, mar it kin ek likegoed in toanbank fan de winkel wêze, om lekkere sântaartsjes te ferkeapjen! De lytse húskes binne geskikt foar jonge bern. De âlderen ha mear útdaging nedich yn it bewegen; sy moatte klimme en klauterje kinne. Foar nije ûntwerpen meitsje wy earst in 3D-tekening om te sjen oft ús idee goed oanslút op de boartersbehoefte fan de bern. www.hout-speeltoestellen.nl

17


Op ’en paad mei...

Nynke van der Zee

Natoermuseum Ljouwert “Hee mem, hjir kinst poep besjen!”

‘Whooo, in dino!’ Mei grutte eagen sjocht Wietze (9) nei it gigantyske skelet fan in potfisk, dat hinget te pronkjen yn it Natoermuseum. Foarsichtich drukt Anne-Marije (6) mei har finger op de tosken yn de bek fan it bist. ‘Falt mei, hielendal net sa skerp’, seit se eigenwiis. Ek Daniëlle (5) is ûnder de yndruk fan it metershege bonkerak, mar hâldt foar de wissichheid in pear meter ôfstân. Har lytse suske Ilse (2) is samar útsjoen en hat al wer in nije doar fûn. Op ûntdekkingsreis troch it Natoermuseum.

Donkere gongen, enge bisten en de nuverste dingen. Yn it Natoermuseum sjocht it fjouwertal him de eagen út. Yn it rariteitekabinet fan in âlde wrâldreizger fynt Anne-Marije bygelyks in gefaarlike krokodil. ‘Dizze is echt hear!’ seit se wylst se oer it bist strykt. Ilse komt der by stean. Anne-Marije lêst it buordsje dat der njonken stiet. ‘Meist der net op sitte, stiet hjir. It is gjin sitkrokodil.’ Efkes fierderop ûntdekt Daniëlle allegear wc-potten. ‘Hee mem, hjir kinst poep besjen!’ ropt se. Mei har fjouweren hingje de bern omstebeurt boppe de keutels. Fan grouwe oaljefantedrollen oant iniminy miggepoepkes. ‘Sjoch, dizze hat de hiele pot ûnderskiten’, laket Wietze. ‘Dat is fêst fan in fûgel.’ Ilse hat der muoite mei om de rest by te hâlden, der is ek safolle te sjen, te fielen en te rûken.

18

Yn de oerdutsen binnentún fan it museum binne it hiele jier troch leuke aktiviteiten te dwaan. Fanwege de maitiid meie de bern ditkear in eigen lokfûgel fervje. Wietze wit wol hokker fûgel at it wurdt; de ljip. Ek Anne-Marije kiest de ljip út. Njonken har stiet in famke. ‘Mag ik ook die vogel met dat kuifje?’ freget se. Anne-Marije sjocht har oan en seit dan mei de finger omheech: ‘Dat is een liep hoor.’ Ilse hat it smoardrok mei fervjen, har fûgeltsje krijt de moaiste kleuren. Wietze pakt it serieuzer oan en skilderet presys de skaaimerken sa’t in echte ljip dy ek hat. ‘Hy moat wol echt lykje, fyn ik.’ Wylst de lokfûgels stean te droegjen, dûke wy as lêste de ûnderwetterwrâld yn. Daniëlle sjocht har de eagen út, Ilse fynt it mar wat eng; al dy bewegende bisten. En dan is it tiid om nei hûs. ‘Wy ha noch lang

net alles sjoen’, stampfuottet Anne-Marije by de jassen. ‘Wy moatte écht noch in kear nei it museum, hear mem.’

Simmeraktiviteiten yn it Natoermuseum Fan ’t simmer is der fan alles te dwaan en te sjen yn it Natoermuseum. Fan 27 april o/m 22 septimber is dêr de tentoanstelling ‘It ferhaal fan Ida’. Gean tegearre mei it aapke Ida 47 miljoen jier werom yn de tiid! Fan 12 july o/m 25 augustus is der in ferrassende eksposysje, ‘Who’s afraid of the big black bear’ fan keunstner Joris Collier. Doarsto dêr hinne?! Sjoch ek op: www.natuurmuseumfryslân.nl


...de Museumbende

Skipfeartmuseum Snits “Huh, bin ik echt sa sterk?” De grutte sylboat dy’t heech boppe yn de entreehal fan it Skipfeartmuseum hinget, makket by binnenkomst djippe yndruk op Dautsen (3). Se dûkt ynelkoar en rint hastich ûnder de boat troch nei de hege baly. Dêr heart Jan-Wieger (6) in nuver lûd, gebrom liket it wol. It blykt út in kast fol mei apparaatsjes te kommen. Apparaatsjes foar de audiotoer; dy wol Jan-Wieger wol útteste. Mei de koptillefoan op ’e holle begjinne wy oan ús tocht troch it museum. Op syk nei piraten, want dy moatte hjir grif wêze, tinkt Dautsen. Op ús reis komme wy fan alles tsjin. Prachtige skilderijen, spannende skatkisten, grutte kanonnen en sels it skyld fan in echte ridder. Jan-Wieger kin oeral wat oer fertelle. Hy drukt syn noas tsjin it glês fan de fitrine oer de walfiskfeart. ‘Sjoch, dat binne de tosken fan in walfisk! Troch dy tinne hierkes kin it wetter wer út syn bek rinne en bliuwt de fisk binnen. Handich he? Dat ha ik leard op Zapp Your Planet en Checkpoint.’ Dan ûntdekke se de trep nei boppen ta. De muorren oan wjerskanten binne fersierd mei kleurige skilderijkes. ‘Dêr is fêst it bernemuseum’, ropt Jan-Wieger. Nijsgjirrich docht er de doar iepen. ‘Ja, moatst ris sjen. Hjir meie wy oeral oansitte!’ Dautsen draaft as earste nei it grutte stjoerrêd fan in joekel fan in boat. As in echte skipper jout se dêr in

slinger oan. Har broer hat in spultsje fûn wêrby’t er swiere pûden moal mei in tou omheechtille moat. ‘Dat kin ik wol mei ien hân. Makje.’ Achter yn de seal fisket Dautsen mei har angel it iene nei it oare houten fiskje út de Waadsee. Hiele leave babyfiskjes, mar ek grizelige ielen. ‘Dy is eng he?’ Se wiist op de grutte Zeeduivel, dy’t oan har toutsje bongelet. Wylst se der mei ôfgriis nei sjocht, hellet se de fangst fan de angel en smyt ’m fluch yn it netsje. ‘Jakky!’ Jan-Wieger is drok oan it wrotten om in skûtsje te lûken. Dêrfoar hat er in spesjale line om it liif, dy’t se eartiids ek brûkten. Al hymjend krijt er it skip yn beweging, dat kin er sjen op it byldskerm foar him. It giet hieltyd better. Alderheislikst, ferskynt der op it skerm. ‘Huh, bin ik echt sa sterk?’

Se binne beide wurch fan al it boartsjen as wy de jassen wer opsykje. By de doar draait Dautsen har noch ien kear om. ‘Dach babyfiskjes, oant de folgjende kear!’

Simmeraktiviteiten fan it Skipfeartmuseum Snits Fan ’t simmer stiet it Skipfeartmuseum hielendal yn it teken fan wetter. Om de museumfiver hinne is fan alles te dwaan mei wetter. En yn it museum sels kinne de bern yn it Boat-Lab har eigen boat bouwe. Of op syk gean nei de skat mei de Skatkistrûte. Genôch te dwaan dus yn Snits! Sjoch ek op: www.friesscheepvaartmuseum.nl

19


BErnEpraaTsjEs Hat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei ynfo@heitenmem.nl.

Mireia is oan ’t boartsjen mei har poppen en ik hear har sizzen (yn ’t Katalaansk, wy wenje yn Spanje): ‘Kom we gean op reis! Wy gean nei it lân fan pake en beppe!’

At Ilja (4) en har mem efkes foarby Spannenburg ride, seit Ilja: ‘Mem, Sinteklaas wennet ticht by ús he.’ Mem hat gjin idee wat se bedoelt. Oant we noch eefkes fierder ride en troch Sint Nyk komme…

Na ’s middags naar de ijsbaan te zijn geweest, hebben de kinderen het onder het eten over wat ze voor hun verjaardag willen. De één wil een tablet, de andere een nieuwe mobiel. Maar onze Hilde (3) wil nieuwe schaatsen, ‘want op dizze glydzje ik hieltyd út’.

Silke (4) stiet mei beppe foar it rút nei de fûgeltsjes yn de tún te sjen. ‘Sjoch beppe,’ seit Silke, ‘allegearre rookworstjes yn de tún.’

‘Mem, het zout is te zuur...’, roept Marije tijdens het eten, terwijl ze eigenlijk bedoelt dat de peper te scherp is!

Jitske (3) sit efter op de fyts by heit. It is kâld en se klappertosket. Har kommentaar: ‘Heit, myn toskjes wibelje...’

Hylke (5) kriget in broerke of suske en wol witte hoe’t de molke út de boarsten fan mem komt. ‘Moatte we dan eerst de dopkes der ôfdraaie?’

20

Nienke (4) stiet foar it rút har freondintsje Sigrid út te swaaien. Ynienen springt de strjitferljochting oan. ‘Hee heit, wa docht dat?’ freget Nienke ferheard. ‘Docht de Heare Jezus dat of docht God dat?’


BaBY-knakkerFiGUerke kollum Nyk de Vries Neffens my ha alle âlden wol grappige bynammen, poppenammen, foar har bern. En de paken en beppen fansels likegoed. Sa neamde ús mem de twa jonkjes fan myn âldste suster altyd de ‘bûtskes’. Alle kearen as se delkamen, sei se: ‘Ah, dêr ha we de bûtskes ek wer.’ It klonk skitterend, al wit ik earlik sein net hoe’t se dêroan kaam en spitich genôch kin ik dêr ek net mear nei freegje. Yn jannewaris fan it foarige jier ha wy in lytsen krigen, in prachtich mantsje. Folút hyt er Rijk Fokke, mar om’t er yn it begjin sa lyts wie en allinnich mar in hiel heech piiplûdsje meitsje koe, neamden we him al gau ‘Piperke’. In oare bynamme wie ‘Knakkerke’. Ik wit net mear wêr’t dy weikaam, mar fansels duorre it net lang of de nammen begûnen opinoar yn te wurkjen. Sa neamden we him ‘Knakkend Piperke’ en in oare kear wer ‘Piipjend Knakkerke’. Dêr hie it by bliuwe kind, mar foaral yn ’e earste moannen binne de dagen frijwat lang, alle âlden sille dat herkenne. Nachts komt men amper oan ’e normale sliep ta en yn ’e lette oerkes kin it assosjearjen frij op ’e rin gean. Bygelyks as ik him sêft preuveljend yn ’e sliep besocht te bringen, nei it fleske fan twa oere nachts. Dan kamen der hieltyd mear fariaasjes en de fariaasjes waarden ek hieltyd langer. Fan ‘Piipjend baby-knakkerke’ nei ‘Piper-Baby-figuerke’, troch nei ‘Piper-Baby-knakker-achtich-figuerke’. Mei dat lêste wurd ‘figuerke’ waard it al gau ‘Figuersaach-babyachtich-knakkerke’ en dêrwei wie it net fier mear nei ‘Nifel-figuersaach-baby-achtich-knakker-figuerke’. Op ’t lêst waard it wat mâl, dat hie ik sels ek wol yn ’e gaten, foaral om’t it foar myn freondinne frijwat lêstich wie om al dy farianten hieltyd wer te ûnthâlden. Dêrom moast it opnij sterk fersimpele wurde, earst ta ‘Babyachtich-babytsje’, en letter sels noch simpeler ta ‘Baby babytsje’, yn al syn ienfâld in gouden fynst. Dêrmei wie it klear, tocht ik, oant yn jannewaris, op syn earste jierdei, famylje en freonen op besite kamen dy’t seinen: ‘Dû hast it hieltyd oer in babytsje, mar hy is al hartstikke grut, hy is hielendal gjin babytsje mear.’ Ik besefte dat se gelyk hienen, al kamen se net echt mei alternativen oansetten. Der waard ‘dreumes’ oppere, en ‘peuter’, en fansels ‘pjut’ yn it Frysk. Earlik sein kaam ik der net hielendal út en de lêste tiid is it hieltyd mear gewoan syn eigen namme, ‘lytse Rijk’, sa’t it heart. Toch sille der aanst mei it âlder wurden wol wer allegear nije nammen op it aljemint komme. Miskien wurdt it sels aanst noch wol in kear ‘Bûtske’. Us mem soe dat moai fûn ha, tink ik.

21


Akkerins Smidstra is 29 jier en no 29 wiken yn ferwachting fan har earste berntsje. Akkerins hat s没nt 13 jier in relaasje mei Lolke Wierda en tegearre wenje se yn Gytsjerk. Se sitte noch yn in ferbouwing, mar it bernekeammerke is al klear.

22


‘Ik kin de hiele dei wol pronkje mei myn búk’ Akkerins: ‘Yn juny ferwachtsje wy ús earste berntsje. We witte noch net wat it wurde sil, mar we binne der al hielendal klear foar. Ik fyn it sok leuk wurk om te shoppen foar de bernekeamer en foar de lytse poppe. In soad kleantsjes en dinkjes keapje ik online. De babykeamer ha wy yn hiele rêstige natuerlike tinten holden. De muorren binne fersierd mei bisten út it bosk, en tegearre mei in freondinne ha ik fan filt in mobyl mei beestjes makke. De bernekeamer hawwe we al lang klear, mar fierder sitte we noch midden yn in ferbouwing. Twa jier lyn ha we tegearre dat hûs kocht en we ha it hielendal stript, op de bûtenmuorren nei. Mei help fan in freon bouwe wy it wer op. Geweldich fûn ik it om mei in sloophammer lekker om te huffen. Wat in kick! De earste moannen dat ik yn ferwachting wie, ha wy it lekker foar ússels holden. Nei trije moanne hawwe we de famylje op de hichte brocht. Mei de legindaryske wurden “We moatte jim wat fertelle …” ha wy it oankundige. Ik hie taartsjes fan de bakker meinommen mei de útrekkene datum derop. Foar ús heit en mem hie ik de swangerskipstest ynpakt yn in doaske, myn âldste broer krych in foarlêsboekje mei de tekst “wolsto my foarlêze?” en myn jongste broerke, dy’t fan hurdrinnen hâldt, krych skuontsjes mei de tekst

“wolsto my myn earste stapkes leare?” It wie foar my in emosjoneel momint om ús berntsje op dy manier oan de famylje foar te stellen. En dan folget al it regelwurk foar de lytse poppe op komst. Wy hawwe earst mei ús heit en mem de fotoboeken troch west en sy ha fan alles ferteld oer de tiid doe’t sy ús ferwachten. Alle oare ynformaasje ha ik foaral fan freondinnen en út de bibleteek. Ik wurkje yn de bibleteek fan Burgum, dus ik ha fuort alle boeken oer dit ûnderwerp liend. Ik fyn it geweldich om swanger te wêzen. Ik fiel my goed, famylje en freonen libje mei en de klanten yn de bibleteek reagearje allegear sa leuk en belangstellend! Ik kin de hiele dei wol pronkje mei myn búk! Mar it allermoaiste fyn ik it om moarns betiid wekker skopt te wurden troch it lytse minskje yn myn búk, dan tink ik: Hearlik! Dêr bisto wer!’ Wolst witte hoe’t de befalling gien is en hoe’t it berntsje fan Akkerins en Lolke der útsjocht? Gean nei www.heitenmem.nl foar it ferfolch! Bisto yn ferwachting en wolst ek meidwaan oan dizze rubryk? Mail in foto fan dysels mei in koart ferhaaltsje derby nei ynfo@heitenmem.nl

23


In fytshelm op Ciska Noordmans

Elk jier komme der sa’n 31 bern ûnder de tolve jier om yn it ferkear. Dat is hast in hiele klasse fol. Dêrneist bedarje noch sawat 2000 bern troch in ferkearsûngelok yn it sikehûs. Kin it dragen fan in fytshelm dat foarkomme?

Lytse bern falle hast altyd op ’e holle Bernetraumasjirurch dokter William Kramer fan it UMC Utrecht Wilhelmina Kinderziekenhuis stelt dat it dragen fan fytshelmen behoarlik helpe kin om it risiko op letsel te ferminderjen. Fan de bern dy’t op ’e fyts nei skoalle gean en ûnderweis in ûngelok krije, belânje der sa’n 2000 jiers yn in sikehûs, sa’n lytse 1000 mei letsel oan ’e holle. Faak hâlde se dêr bliuwend letsel oan oer en binne dy bern foar har libben ferstanlik of lichaamlik beheind. Dat soks ferskuorrend is om mei te meitsjen, hoecht fansels gjin taljochting; âlders fiele har skuldich, fertrietlik en ûnmachtich as soks har oerkomt. Hiene se it foarkomme kinnen? Kramer fertelt dat troch al dy ûngelokken de sikehûzen in goed ynsjoch krigen ha yn de ûngemakken. Lytse bern falle hast altyd op ’e holle. Dat komt omdat by lytse bern de holle relatyf grut is en hast in kwart fan it lichemsgewicht ynnimt.

24

Wa’t in fytshelm draacht, hat as er falt, 50% minder kâns op ferwûningen oan ’e holle, in helm ferminderet by fytsers it risiko op bliuwend harsenletsel mei 70%, neffens de bernetraumasjirurch. En soks kin krekt it ferskil meitsje tusken bliuwend harsenletsel en in gewoane harsenskodding. Hy sjocht it as ien fan syn taken om de maatskippij te warskôgjen foar dat gefaar, foarkomme is ommers altyd noch better as behannelje. Wat him oanbelanget soe der in draachplicht fan fytshelmen komme moatte foar bern oant en mei it fuortset ûnderwiis.

De Fietsersbond is benaud dat der minder fytst wurde sil.

Coole dudes en mountainbikers Dochs rint it net sa hurd mei de fytshelmen yn it strjitbyld fan Fryslân. De Fietsersbond is sels faaljekant tsjin fytshelmen en is benaud dat der minder fytst wurde sil as elkenien ferplichte wurdt om in helm te dragen. De SWOV, dy’t him dwaande hâldt mei wittenskiplik ûndersyk oangeande ferkearsfeiligens, is foar it frijwillich dragen fan in helm, mar is fan miening dat der mear barre moat, bgl. in oanpassing fan de ynrjochting fan ús diken, om de feiligens fan fytsers te garandearjen. Wie der yn 1980 hast gjin fytshelm te keap yn Nederlân, dat is no wol feroare. Yn 2001 hienen sa’n twa- oant trijehûnderttûzen heiten en memmen in fytshelm oanskaft foar har bern. Der is yn de rin fan de tiid mear omtinken foar kommen op skoallen en troch de media wurde âlders har mear bewust fan de risiko’s en it nut fan de fytshelm. Dêr komt by dat it oanbod oan


Tips van Peter * Pak een kind na een (onge)val niet meteen op. Beweging kan meer schade veroorzaken. Laat het kind zelf overeind krabbelen en naar je toekomen. Lukt dat niet of zijn er afwijkingen in het bewustzijn, bel dan de ambulance.

fytshelmen hieltyd grutter wurdt. Der is in romme kar út ferskillende pasfoarmen en kleuren. En eins sjogge de measte helmen der best ‘vet’ út tsjintwurdich. Dat yn kombinaasje mei de coole dudes dy’t mei helm op troch de strjitten skate mei waveboards, inlineskates of rollerblades, is de opmars no net mear tsjin te hâlden. En wy sjogge ommers ek net frjemd op fan racefytsers en mountainbikers mei in helm op, dy’t by ús de polderdiken delfleane?

Net eamelje mar sels it goeie foarbyld jaan. Achterop in helm op We kinne allegear wol in ferlechje betinke wêrom’t wy gjin helm op ha wolle. Myn hier rekket yn ’e war of hy sit net sa lekker mei spjeldsjes of in sturt yn, in helm is simmerdeis sa waarm, net sa cool, gjin

* Probeer rustig te blijven en parkeer je eigen emoties. Voorkom dat de paniek overslaat op je kind.

plak om de helm op skoalle op te bergjen of: my komt neat oer! Foar de feilichheid fan jim bern kinst it dragen fan in fytshelm stimulearje. Net om der op om te eameljen mar troch it sels te dwaan! Jou it goeie foarbyld en lis bern út wêrom’t it dragen fan in helm belangryk is. Ek foar pjutten en beukers achter op ’e fyts, of yn ’e bakfyts, is in fytshelm gjin bûtengewoane lúkse. It berntsje is op dy manier goed beskerme en leart al hiel betiid dat in fytshelmke der gewoan by heart! Neffens dokter Kramer fan it Wilhelmina Ziekenhuis docht bliken dat bern earder in helm drage sille as se ’m ek moai fine, as se gefaarlike dingen bûten dogge, lykas skeelerje, as heit en mem it stimulearje en as de freontsjes ek in helm drage. In protte bern fiele har mei helm ek feiliger yn it ferkear as sûnder helm.

Tips • In helm moat goed passe en lekker sitte. Let ûnder oaren op luchtgatten en gewicht. • Hast in bril? Hâld dy op ast in helm past. • Yn Europa moat in helm foldwaan oan feilichheidsnoarmen: EN-1078 (helmen foar folwoeksenen) en EN-1080 (helmen foar bern). • Reflektorstrepen helpe om noch better op te fallen yn it ferkear. • Hâld rekken mei de foarkar fan soan of dochter. Hoe leuker at hy ’m fynt, hoe faker at hy ’m opsette sil. • De riemkes moatte om de earen falle en net dêr boppe-op. • Stel de riemkes, tsjek oft se goed fêstsitten bliuwe en skodzje dan eefkes mei de holle. Bliuwt alles op syn plak?

www.kinderhelmen.com

25


advertorial

Thamara Kloosterhuis:

“Wy ha thús hûnderten boeken yn de boekekast” Thamara Kloosterhuis en har bern Sarah (6), Rosa (3) en Marijn (1) binne altyd op syk nei leuke boekjes. Sy sneupe hjoed efkes hearlik rûn yn de Afûkwinkel. Wat stiet der by jim thús yn de boekekast? Wy binne allegear enorme boekewurmen. It is ien grut lêsfeest by ús thús. Wy ha thús hûnderten boeken yn ‘e boekekast stean. Sawol boeken foar heit en mem as foar de bern. Ik ha sels yn in boekwinkel wurke, fandêr de foarleafde foar boeken. Ha jim in foarlêsritueel? Myn man en ik lêze Sarah en Rosa eltse jûn ien ferhaaltsje foar op ‘it grutte bêd’. De iene jûn heit, de oare jûn mem. Marijn leit dan meastentiids al lekker te koesen. Favoryt fan Sara en Rosa binne Tomke, Koesboek en sprookjesboeken. At beppe komt oppassen is it hielendal feest! Beppe lêst graach de hiele dei foar. Wat fine jim noch mear leuk? Sarah en Rosa sjonge graach mei mei de DVD Lytskes. Der wurdt fansels ek by dûnse, dat is echt in grut súkses!

De moaiste Fryske boeken fynst by de Afûk: winner Simke Kloostermanpriis 2013

De oerwinnings fan Tido Houtsma Thys Wadman - € 14,95

Bertus Bear syn Drokke Dei Tor Freeman - € 9,95

Lûdeboekje Natoer € 10,95

DVD Lytskes € 9,95

Ek efkes lekker sneupe tusken de boekjes? Kom ek nei de Afûkwinkel op de Bûterhoeke 3 yn Ljouwert. Of sneup en bestel online op www.afuk.nl.


BErnEBOEkEn It grutte poepkonkoers

4+

GUIDO VAN GENECHTEN, AFÛK

€ 15,95

Kening Keutel is in bytsje hingjen bleaun yn syn pis-en-poepperioade. Elk jier ropt hy de minister fan Binnenlânske Poepoangelegenheden by him om it Grutte Poepkonkoers te organisearjen. Fan it balkon fan syn kastiel ôf sjocht Kening Keutel dan in rige prachtige kakkeunstwurkjes foarbykommen. Wa syn namme mei de keninklike betsjinner dit jier bybeitelje yn de tinkstien mei alle winners fan it Grutte Poepkonkoers? In humoristysk ferslach yn geuren en kleuren fan in wol hiel ûngewoane keninklike wedstryd.

Boeken & apps fan sterre

Leve de koning(in)!

REINILDIS VAN DITZHUYZEN, BALANS

€ 15,95

8+

Waarom hebben we eigenlijk een koning? Wat doet die precies? Heeft hij een kroon? Waarom werkt hij niet in onze hoofdstad, Amsterdam, maar in Den Haag? Heeft hij ook een achternaam? Is het leuk om koning te zijn? Hoeveel macht heeft onze koning eigenlijk? In begrijpelijke taal worden in zeven overzichtelijke hoofdstukken de belangrijkste vragen over onze monarchie beantwoord.

Sterre Bijlsma is trije jier, en tegearre mei har suske

Brechtje fan fjouwer wurdt se graach foarlêzen troch heit Paul en mem Machteld. Foar Heit & Mem ha se

‘Ynstruminten’ lêzen, in lûdeboekje mei seis plaatsjes en seis lûdsjes fan ynstruminten. Sterre har heit hat

it boekje yn it Frysk foarlêzen en mem Machteld yn it Nederlânsk.

Machteld: ‘Sterre vindt het een leuk boek, ze reageert

Spegelspreuk (audioboek) LIDA DYKSTRA, AUDIOFRYSK

€ 12,-

9+

De 9-jierrige Willem, prins fan Oranje, rint fan hûs fuort. Hy komt terjochte by syn beppe Marijke Muoi. Dy wennet yn Ljouwert, yn paleis it Princessehof. Earst ferfeelt Willem him ôfgryslik. Mar dat feroaret as in âld wyfke yn it keunstkabinet fan it paleis in spegelspreuk útsprekt. Troch dy betovering komme, alle kearen as de klok tolve slacht, bisten fan tegels ta libben. En ek noch in grutte man dy’t Willem de namme Lodelakei jout. Tegearre mei Lodelakei besiket Willem de spegelspreuk om te kearen.

enthousiast. Ze herkent de instrumenten van de app

soundtouch die wij voor de meisjes op onze telefoons

hebben gedownload. Je ziet het pictogram van het woord,

je hoort het woord en daarna komt een fi lmpje met geluid van iemand die het instrument bespeelt. De app is in verschillende talen beschikbaar; even checken of het Fries een optie is!’ Nee, spitich, dat is (noch) net sa.

By Sterre thús wurdt in protte foarlêzen. Tusken de

bedriuwen troch, mar it fêste foarlêsmomint is jûns

foar it sliepen gean, lekker ûnder de tekkens. Dan komt

Kening fan Juster PAUL VAN DIJK, AFÛK

€ 14,50

der earst noch in boekje út de kast. Nije boeken wurde

10+

De wyn begjint te razen. Fûgels krieze. Hy komt der oan ... Yn alle rêst hat de Raveman wachte op syn kâns om kening fan it Lân fan Juster te wurden. No't de âlde Kening Magnus it lân ferlitten hat, grypt er syn kâns. Der is noch ien probleem: Renske. As Renske op in dei op it hûs fan Pake past, stiet der in geheimsinnige man op 'e stoepe. Fan dat momint ôf sil neat mear itselde wêze... De Kening fan Juster is in nij, spannend ferhaal fan Paul van Dijk oer jaloezy en freonskip.

Weetje: De koningen en koninginnen van Oranje-Nassau en dus ook Koning Willem-Alexander en zijn dochters stammen af van Marijke Muoi. Marijke Muoi was de bijnaam van Maria Louise van Hessen-Kassel (16881765) en zij woonde in Leeuwarden. Ze was getrouwd met Johan Willem Friso, prins van Oranje.

earst ris goed besjoen en fan tefoaren bepraat. Wêr soe it boekje oer gean? En wêrom tinksto dat? Sterre en

Brechtje ha de grutte foarrie berneboeken fan Machteld

en Paul noch lang net út. Ek de koesers en knuffels kinne dêr fan meiprate, want de famkes lêze op har beurt wer graach in boekje foar oan bear as pop.

Sterre har top 3

1. KIJK- EN ZOEKBOEK - ROTRAUT SUSANNE BERNER 2. YNSTRUMINTEN 3. DE ‘APP VOOR KINDEREN’

Meer wete n? Kijk op www.11en3 0.nu

27


28


De wrâld fan Yke Reeder Opfallend genôch hingje der twa lege, grize doeken oan ’e muorre yn it hûs fan Yke Reeder (1973), yllustrator fan boeken, mar boppedat ek keunstneres. Wat sjochst by in ferhaal? Hoe kinst dat yllustrearje? Joust dêr dyn eigen draai oan? En, hoe dochst dat dan? It binne fragen dêr’t Yke in protte oer neitinkt. Dat is wat har wurk betsjut: sy kreëarret in nije wrâld mei it meitsjen fan in tekening. Marieke Vinckers

At Yke nei har dochter sjocht dy’t op ’e flier yn 'e keamer sit te boartsjen en in lietsje sjongt, werkent se harsels as bern. ‘Ik siet ek altyd te sjongen’, fertelt se. It bern yn har is nea hielendal ferdwûn, dat sjochst wol oan har eachopslach. Jierren swurf se oer de wrâld oan board fan de trijemêstbark ‘Europa’. In sylskip dêr’t se matroas op wie en alle oseanen mei befoer. Fan Amsterdam nei de Azoaren, fan Noarwegen nei Antarktika. In aventoer fansels, dat ta de ferbylding sprekt en dêr't se grif nochris in boek oer makket. Want dat is ien fan har dreamen: har eigen ferhalen te yllustrearjen. Of om tegearre mei har dochter Sien (4) in moai printeboek te meitsjen mei tekenings en ferhalen fan harren beiden. Sittend en sjongend op ’e flier, mei in pinsiel yn ’e hân, wa wit.

In tekening kin my sa reitsje. Der sit sa’n protte poëzy yn in byld. As bern hie se al in fassinaasje foar printeboeken. Sels wie se altyd oan it tekenjen en se ynteressearre har ek al fan jongs ôf foar de technyske kant fan it tekenjen. Hoe makkest djipte? Hoe krigest in bepaalde ekspresje op in gesicht? Yke rint nei har boekekast en pakt in aansichtkaart mei in yllustraasje derop. It soe it byld tekoart dwaan om dat hjir te beskriuwen, mar at Yke nei de yllustraasje sjocht, seit se: ‘In tekening kin my sa reitsje. Der sit sa’n protte poëzy yn in byld.’ Sels makket se yllustraasjes foar boeken, se tekenet

kaarten, se jout (tegearre mei Auck Peanstra) workshops en se makket skilderijen. Yn har húskeamer stiet in mansheech doek op in skildersezel. It is in gielich portret fan in famke. It kontrast hat se op in bysûndere manier grutter makke troch it aparte jurkje. Yke besiket nije dingen te dwaan. Frij wurk. Se folget kolleezje by Gerard Beijn, in keunstner út it doarp dêr’t se wennet, Achlum. ‘Gerard hat sa’n bysûndere kyk op kleur en keunstskiednis. Ynspirearjend.’ Yn opdracht wurkje betsjut dochs hiel wat oars. Want hoe krigest in tekening sa, dat it strykt mei wat de opdrachtjouwer yn ’e holle hat? Yke: ‘Mei bertekaartsjes is dat bygelyks wolris dreech. Yn earste ynstânsje sizze minsken faak: “Meitsje mar wat, ik fyn alles wol moai!” Mar at se dan de tekening sjogge,

29


sizze se: “Oh, hm, ik hie eins dochs wat mei sinneblommen yn ’e holle.” Yke laket. Se fynt sa’n reaksje begryplik. ‘Pas as minsken in foarbyld sjogge, dan witte se hoe’t se it ha wolle, of hoe’t it krekt nét wurde moat.’ Mei boekopdrachten makket Yke dêrom earst in rûge skets, of twa, dy’t se foarleit oan ’e opdrachtjouwer. ‘Dan wit ik oft ik op it goeie paad sit.’ Se bepraat dat earst mei de skriuwer sels, mar it is úteinlik de útjouwer dy’t de trochslach jout. ‘Dy sjocht der ljocht yn, of net fansels!’ Berneboeken Mar oant no ta sjogge de útjouwers der wol ljocht yn. Yke hat in soad berneboeken yllustrearre. Grutte útdaging by it

30

yllustrearjen fan in boek is datsto ‘om it ferhaal hinne tekenest’, fertelt Yke. ‘It is net leuk om presys te tekenjen wat der bart yn in boek. Krekt de dingen dy’t der net steane, binne moai om mei te nimmen yn it ferhaal.’ Dêrmei jout Yke letterlik har eigen kleur oan in fertelling. Fan skriuwer Niels Rood krige se bygelyks alle frijheid by it meitsjen fan de tekenings foar De Vliegende Hollander, it ferhaal oer in skipper dy’t trijehûndert jier lyn, tsjin better witten yn, yn in swiere stoarm nei Kaap de Goede Hoop foer, mei syn bemanning. De einbestimming hawwe se nea helle. As bemanningslid fan in sylskip wit Yke as gjin oar hoe’t it der oan ta giet op see.

Se koe har dus goed ynlibje yn dat ferhaal. Miskien wie it krekt dêrom dat se net einigje woe mei in byld fan ’e bemanning dy’t kânsleas yn 'e baren weiwurdt. Neffens de oerlevering geane sielen fan matroazen oer yn albatrossen. Dy majestueuze fûgels hoege harren wjukken mar te sprieden en se kinne moannen achterelkoar boppe de oseanen fleane. Yke hat in Escher-eftich tafreel makke: de albatrossen geane fanút de baren sa oer yn ’e loft. De sielen fan de bemanning. Ivich boppe see. Briedproses Bytiden sit Yke dagen te brieden op hoe’t se in ferhaal foarm jaan moat. Hokker


Krekt ferskynd! It boek ‘De boel op stelten’, mei ferhalen foar bern út de boppebou (10+). Auck Peanstra skreau de ferhalen en Yke Reeder makke der pintekeningen by. Ienfâldich en bysûnder oansprekkend. Heit & Mem jout trije eksimplaren wei, sinjeard troch Auck Peanstra en Yke Reeder. Wolsto sa'n boek winne? Fertel ús op www.heitenmem.nl wêrom asto dit boek graach ha wolste. 'De boel op stelten' is ek te keap fia www.afuk.nl of yn de boekhannels yn Fryslân.

materiaal sil se brûke? Hokker kleuren hearre dêrby? Se lêst it ferhaal, en se lêst it opnij. Der moat in sfear kreëarre wurde en fanút dy sfear ûntstiet it byld. En meastal komme dy bylden by nacht. Komposysjes. Kleuren. En: har eigen ferhaal neist it ferhaal fan de skriuwer. Der rint in hûn foarby, hy bliuwt stilstean en poept der krekt in keutel út. ‘It binne altyd lytse details dy’t de fantasy fan in bern prikkelje!’ laket Yke. De yllustraasjes dy’t se foar it boek Krûpelhintsjes fan skriuwster Auck Peanstra makke hie, binne krekt wer prachtich troch de ienfâld. It binne begeliedings fan lietsjes en rymkes yn it boek. ‘As ik grut

bin, dan wurd ik frachtweinsjauffeur, dan moat ik einen ride. Dan gean ik hielendal nei Ljouwert ta! En dan werom, want ik wol by memmy ite.’ Yke hie de yllustraasjes makke mei wasko, ekolineferve, potleaden en pinne. Eltse tekening is suver ambachtlik. Yn dyn ferbylding sjochst Yke nachts it ljochtsje neist har bêd oandwaan om eefkes fluch in sketske te meitsjen: dit moat it wurde. Ja, dat is it. En wer in ferhaal, en wer in ferhaal, en wer in ferhaal. Dat is de wrâld fan Yke Reeder. It is mar goed dat der ek lege doeken yn ’e keamer hingje. Der bart al genôch yn ’e holle fan dy kreative geast.

31


hEIT En MEM BOEkEn

Nije Fryske útjeften : DE TREASTFÛGEL (ROM AN ) HYLKE SPEERSTRA BORNMEER € 16,90

R AS GONG DÊR IN OA (ROM AN ) LEO POPM A K EN FRIJ UTJOUWERIJ FRYS € 25,-

TE WÊZEN WAT IT IS OM BANG (FERHALEN ) T SIPKE DE SCHIFFAR IJ € 15,ER EK BO RS PE FRIESE IT FÛGELGEBED (FE RHALEN ) JA AP KROL BORNM EER € 15,-

Natuurlijk en gezond (op)voeden met Julia Kang

tip

JULIA KANG

€ 22,50

Dit boek laat zien hoe je jezelf en kinderen Natuurlijk en Gezond kunt (op)voeden, met als resultaat een betere gezondheid en een passend gewicht. Voor jezelf uiteraard met een grote knipoog naar het voorvoegsel ‘op’ en met de nadruk op ‘voeden’. Leer naast gezond eten, stap voor stap, hoe je bepaalde verleidingen kunt weerstaan, en misleidingen door de media, reclame, voedingsindustrie en de farmaceutische industrie kunt herkennen en doorzien. Of je nu zelf kinderen hebt of niet, dit boek bevat veel nuttige informatie voor iedereen die bewust met gezondheid bezig is. www.juliakang.nl

rené van der Meer wennet yn nes by akkrum, is troud en heit fan rixt (8), Maud (6) en Bart (3). rené hat de misdiedroman lykspul fan jan schokker lêzen en de redaksje fan heit & Mem praat mei him. René: ‘It ferhaal begjint yn it Abe Lenstrastadion en is

om It Hearrenfean en De Lemmer hinne situearre. Sels

bin ik in grut SC Heerenveen-fan en mis gjin wedstriid, dus dat sprekt wol tige oan! Dat it ferhaal op bekend gebiet spilet, jout it boek wat ekstra’s. Yn gedachten

Pake, fertel! en Beppe, fertel! DIEUWKE POSTHUMUS

€ 7,50

tip

Hoe seach pake syn keammerke der eartiids út? Wa wie beppe har grutte leafde en wat makket pake en beppe eins gelokkich? Dizze twa boekjes steane fol fragen foar pake en beppe. Ek is der romte foar in pear moaie foto’s. In prachtich kado en in moai oantinken foar de pake- en beppesizzers. De boekjes binne der ek yn de ‘Heit, fertel’ en ‘Mem, fertel!’ fariant! www.afuk.nl

sjochst de blonde Sweedske fertochte sitten yn har

hús yn Oranjewâld, mei de swannen op ’e gevel. Mar

ek ast net fan fuotbal hâldst, is dit boek in oanrieder. It is in dúdlik ferhaal, skreaun yn sprektaal en it hat gjin dûbele boaiem. Net alle details binne like goed

trochtocht of oannimlik, mar it boek lêst as in trein en ik hie it samar út, wylst ik dêrfoar noch nea in Frysk boek lêzen hie. Eins bin ik wol nijsgjirrich nei in oar

boek fan Schokker. Dat sil oer deselde ynspekteur gean, tink? Dat it boek sa fluch út wie, fûn ik tagelyk ek it

neidiel derfan. Ik bin sljocht op literêre thrillers fan de

Bonusouders JESPER JUUL

€ 14,95

Weetje: 32

tip

Wie met een partner samenwoont en kinderen uit een vroegere relatie heeft, werd vroeger ‘stiefmoeder’ of ‘stiefvader’ genoemd. Een naam met veel negatieve associaties. Jesper Juul geeft deze ouders een nieuwe naam: bonusouders. Want de nieuwe situatie kan voor kinderen ook positief zijn: de nieuwe partner van hun vader of moeder kan een geweldige bonus voor kinderen zijn. Jesper Juul bespreekt alle ontmoetingen, verhoudingen en relaties tussen ouders, kinderen en bonusouders. In al zijn nieuwe samenstellingen ontstaat de patchworkfamilie; niet eenvoudig, maar wel vol kansen en mogelijkheden. En bovendien: eenvoudig is de traditionele familie ook niet! www.forteuitgevers.nl

50% van de Friezen is in staat de Friese taal te lezen.

Skandinavyske skriuwers Jo Nesbø, Stieg Larsson en

Lars Kepler. Foar deselde priis as Lykspul krijst by dy

bestsellers in hoop lêswille ekstra, mar no hast fansels ek de winst fan in publikaasje yn in minderheidstaal!’

Lykspul, plysjeroman JAN SCHOKKER

€ 14,95 www.elixer.nl

Wolsto ek in boek foar Heit & Mem lêze? Nim dan kontakt mei ús op!


Marije en haar vader

Tjalling de Vries (1959) is sinds 1991 algemeen kinderarts in het Medisch Centrum Leeuwarden. Hij is getrouwd en vader van drie kinderen: Fedde (1991), Marga (1995) en Anne (1998).

De sirenes komen dichterbij en wij staan klaar op de spoedopvang: een vader met een kind achter op de fiets is geschept door een auto en ze zijn onderweg. Eén opvangkamer is voor de vader, in de andere staan wij klaar. De ambulance met vader is het eerst en nog geen minuut later is ook het meisje er, Marije, tweeëneenhalf jaar oud. Ze zit onder het bloed en is vastgesnoerd op de brancard. Op haar hoofd heeft ze een fietshelm en haar nek is, ter bescherming van het ruggenmerg, beschermd met een kraag. Ze is bewusteloos en ademt snel. Via een masker krijgt ze extra zuurstof. Ik hoor de lucht goed in de longen stromen. Het hart slaat te vlug. Ergens van haar flank komt bloed, het sijpelt door haar kleren. We brengen twee infusen in en geven haar vocht om het bloedverlies te compenseren. Zo is ze stabiel genoeg. We gaan snel naar de röntgenafdeling om te kijken of er botten gebroken zijn, of er inwendige bloedingen zijn en hoe het met de hersenen is. Ondertussen houden we haar nauwlettend in de gaten om te zien of ze meer ondersteuning nodig heeft. Haar kaak en onderarm zijn gebroken; in de rechternier zit een scheurtje. De schedel is onbeschadigd en ook de wervelkolom is heel. Gelukkig zijn er geen hersenbloedingen; de helm heeft haar hersenen goed beschermd. De verpleegkundige maakt de kraag los en opent de gesp van de helm. In de helm zit een grote barst. ‘Deze heeft de klap opgevangen’, mompelt de verpleegkundige. Marije wordt wakker en begint te kreunen. We geven haar pijnstillers via het infuus en even later gaat ze naar de operatiekamer waar draden in de kaak en arm worden gezet. De nier hoeft niet gehecht. Marije wordt opgenomen op de kinderafdeling. In de eerste dagen plast ze bloederige urine maar dat is na twee dagen al voorbij, de nier herstelt zichzelf. Vanwege de gebroken kaak eet ze eerst met een rietje. Na vier dagen is dat niet meer nodig en een paar dagen later kan ze naar huis. Haar vader heeft minder geluk: hij heeft meerdere botten gebroken en zijn hersenen zijn beschadigd. Als Marije na veertien dagen voor controle komt, vertelt moeder dat hij een week in coma heeft gelegen. Hij zal langdurig gerevalideerd moeten worden. ‘Had hij ook maar een helm gedragen,’ zegt ze, ‘de kinderen en ik, wij fietsen nooit meer zonder.’ Een paar weken later zie ik Marije met haar vader en moeder in de gang van het ziekenhuis; vader zit in een rolstoel. Marije zit bij hem op schoot, de armen om zijn nek. En ik? De volgende dag koop ik een fietshelm.

33


Kraamzorg Friesland

Kraamzorg van De Kraamvogel

Vertrouwd in Friesland Kindje op komst? Kraamzorg nodig? Kies dan voor De Kraamvogel! Wij zijn een betrouwbare en deskundige kraamzorgorganisatie waarbij je kunt rekenen op persoonlijke aandacht en professionele zorg. Meld je nu aan voor een onvergetelijke kraamtijd!

T 088 77 88 500 www.dekraamvogel.nl


1

read hier

2

Mar ien prosint fan de wrâldbefolking hat read hier. Skotlân is it lân mei de measte readhierrigen op de wrâld. Sa’n 13 prosint fan de Skotten hat read hier.

3 4

Wetenschappers van de Oxford universiteit denken dat het gen voor rood haar afkomstig is van de Neanderthalers. Er wordt vermoed dat het gen dat verantwoordelijk is voor rood haar, een lichte huid en sproeten ongeveer 100.000 jaar oud is. Dit gen wordt het ‘gingergen’ genoemd. Vermoedelijk hebben Neanderthalers gemeenschap gehad met Homo sapiens, waardoor er ook vandaag de dag nog mensen met rood haar rondlopen. Minsken mei read hier hawwe in hûd dy’t hiel gefoelich is foar de sinne. Dêrtroch bestiet in gruttere kâns op hûdkanker. It risiko wurdt ferhege troch hûdflekken, in ljochte hûd en skeinspruten. Op den duur zal de natuurlijke rode haarkleur onherroepelijk uitsterven. Het gen voor bruin haar is dominant over rood haar. Door de multiculturele samenleving komen er steeds meer dominante ‘bruinhaargenen’. Hierdoor zal rood haar op den duur uitsterven. Dit geldt hoogstwaarschijnlijk ook voor mensen met natuurlijk blond haar en blauwe ogen.

5

6

7

Minsken mei read hier hawwe dikker hier as minsken mei in oare kleur hier. Sinds 2005 bestaat er een jaarlijkse Roodharigendag. Dit is een evenement in Breda waarbij roodharigen samenkomen. Het festival bestaat uit tientallen activiteiten die een link hebben met rood haar, zoals lezingen, tentoonstellingen, etc. Het Bredase evenement is de enige roodharigendag ter wereld, en trekt daarom bezoekers uit alle werelddelen.

8

Bron: roodharigen.nl

Foto 1 Foto 2 Foto 3 Foto 4

Marin van der Holst út Holwert Remmert Castelein út Gytsjerk Vera de Roos út Wytgaard Anique Westra út Burgum

F oto 5 Foto 6 Foto 7 Foto 8

Hidde van der Meer út Lemmer Meyke Wouters út Ljouwert Isa Visser út Rijen Amarins Wolters út Marrum

35


help! hoe kies ik in basisskoalle?

Marrit de Schiffart

It is safier. Dyn berntsje is 3 jier wurden en – ast it no wolst of net - oer in jier sil it lyts pjut nei skoalle ta moatte. Wat wurdt it? Kristlik, Dalton, trijetalich, Jenaplan, twatalich, Montessori of dochs gewoan de skoalle om ’e hoeke? It liket ûnmooglik om tusken al dy skoallen de goede te kiezen. No worries, hjir binne tips en trúks foar twiveljende âldelju.

Foardatst in skoalle kiest, moatst earst witte wat der eins te kiezen falt. Yn Nederlân binne de skoallen ûnderferdield yn iepenbiere en bysûndere skoallen. Bysûndere skoallen binne skoallen mei in bepaalde tsjerklike opfetting. De grinzen tusken bysûndere en iepenbiere skoallen ferfage trouwens. In protte iepenbiere skoallen jouwe godstsjinstlessen en konfesjonele skoallen iepenje de doarren faker foar net-tsjerklike bern. Der komme ek hieltyd mear skoallen mei in spesjale ûnderwiiskundige fisy. Yn Fryslân binne dat: Dalton (25), Jenaplan (12), Montessori (2, yn Ljouwert en Drachten) en de frije skoalle (1, yn Ljouwert). Dêrneist profi learje guon skoallen har as twatalige (100) of trijetalige skoalle (50). Sokke skoallen brûke meardere fiertalen yn ’e les. Fansels ferskille skoallen ek op oare flakken fan elkoar. It is ek goed dat skoallen har op ien of oar flak profi learje, mar… dêr wurdt de keuze net makliker fan.

36


Hoe kies ik in skoalle? Wat fynsto belangryk oan in skoalle? Pas ast dat witst, kinst in goede (en maklike) keuze meitsje. Dus: hokker fan ûndersteande kritearia fynsto it wichtichst? Fink dy oan en gean oan ’e hân dêrfan op syk nei in skoalle.

It profyl fan de skoalle moat oanslute by myn leauwen of libbensoertsjûging.

De ûnderwiiskwaliteit moat heech wêze.

De skoalle moat in bepaald ûnderwiiskundich sinjatuer (Dalton, Jenaplan ensfh.) hawwe. Ik wol dat myn bern meartalich les krijt (neist it Nederlânsk ek Frysk of Ingelsk)

De skoalle moat in protte soarch jaan oan bern mei lear- en gedrachsproblemen (en/ of oan bern dy’t hiel goed leare kinne).

De klassen moatte lyts wêze sadat myn bern in protte persoanlike oandacht krijt.

De skoalle moat grut (of just lyts) wêze (der binne plannen om skoallen mei minder as hûndert learlingen yn ’e takomst te sluten).

De rûte nei skoalle ta moat feilich wêze. De skoalle moat moderne learmiddels lykas kompjûters en tablets brûke. De skoalle moat in soad oandacht hawwe foar natuer of kultuer.

Ik wol dat de skoalle bûten skoaltiid ek in soad aktiviteiten organisearret.

De skoaltiden moatte oanslute by myn wurktiden.

 skoalle moat yn ’e De buert wêze. De skoalle moat skjin en goed ûnderhâlden wêze.

Ik wol as âlder by in protte saken belutsen wurde.

Ik wol gjin âlderbydrage betelje.

De skoalle moat in tuskenskoalske en/of bûtenskoalske opfang hawwe.

De skoalle moat in soad oandacht besteegje oan sosjale noarmen en wearden (pestprotokol).

37


TiPs Fan in ÛnderWiisadviseUr Hans Christiaanse is adviseur by ûnderwiisbegeliedingstsjinst Cedin en projektlieder fan it ExpertisePunt Ouderbetrokkenheid. Wêr soe hy op lette as hy in skoalle foar syn bern kieze moast? Christiaanse wiist op in pear konkrete aksjepunten:

‘Het gros van de ouders gaat op de sfeer van een school af. Dat is prima. De sfeer is immers allesbepalend. Als ouder weet je heel goed welke sfeer bij je kind past. Hoe je de sfeer op een school achterhaalt? Dat is simpel, ga tussen de middag eens op het schoolplein staan. Dan kun je zien hoe de leerkrachten met de leerlingen omgaan. Het succes van een school wordt bepaald door het personeel. Verder mag je als ouders van toekomstige leerlingen altijd een kijkje nemen in de school. Ook dan kun je sfeer proeven. Let er bijvoorbeeld op of de school wel of niet goed onderhouden is, rommelig of juist netjes is. Vraag op zo’n moment ook meteen of je in een klas mag kijken. Dan kun je mooi even kennis maken met de leerkracht van de onderbouw. Check daarnaast hoe de klas georganiseerd is: schreeuwen alle kinderen doorelkaar of heerst er een prettige rust? Naast een schoolbezoek zou ik ook op internet de nodige research doen. Zoek bijvoorbeeld het inspectierapport van de school eens op. Dat kan heel gemakkelijk via www.onderwijsinspectie.nl.

38

Die website geeft per school weer hoe het met de onderwijskwaliteit gesteld is. Scoort de school van jouw keuze zeer zwak? Dan zou ik mijn kinderen daar niet snel naartoe sturen. Een ander belangrijk punt: zoek op de website van de school de schoolgids op. Daar staat heel veel informatie in. Bijvoorbeeld over de onderwijskundige en pedagogische visie van de school, de zorg voor kinderen met een rugzakje of een beperking, of de rol van de ouders. Door de schoolgids te lezen kom je erachter of de visie van de school aansluit bij jouw beeld van de ideale school. Veel ouders kiezen voor de dichtstbijzijnde school. Zolang die school goed scoort, zou ik dat ook altijd doen. De school vormt voor ouders en kinderen steeds meer een sociaal netwerk. Het is lastig om dat netwerk op te bouwen als de school ver weg is. Als laatste zou ik willen zeggen dat de perfecte school niet bestaat. Ga daar dus ook niet naar op zoek. Kies wat het beste bij jou past.’


Ferhalen ÚT ’e PrakTYk Lena Bleeker, Aldebiltsyl

‘Passend ûnderwiis fyn ik in pluspunt’

‘Myn âldste soan Roelof (4) giet no fjirtjin dagen nei OBS De Oprel yn Aldebiltsyl. Hy fynt it leuk en it giet goed. Sels is er foaral bliid dat er syn âlde freontsjes fan de berneopfang wer sjocht. Wy hawwe net hiel bot socht om in geskikte basisskoalle. Ut sosjaal eachpunt fûnen wy it belangryk dat ús bern yn it eigen doarp nei skoalle geane. Sa kinne se hjir in sosjale rûnte opbouwe. Yn Aldebiltsyl binne twa skoallen, in kristlike en in iepenbiere. Omdat myn partner en ik beide gjin kristlike achtergûn hawwe, lei it foar de hân om foar de iepenbiere skoalle te kiezen. In hiel soad makket dat trouwens net út, want per augustus 2014

sille de skoallen fusearje. Dêr bin ik foarstander fan. Roelof krijt no middeis les mei groep 1 oant en mei 4. As de skoallen fusearje, binne dy kombinaasjeklassen net mear nedich. Doe’t ik foar it earst op De Oprel kaam, fielde it fuort goed. Pluspunt fyn ik dat se passend ûnderwiis jouwe. Alle bern wurde yndividueel besjoen en oan ’e hân dêrfan krije se wyktaken. Dy moatte se selsstannich útfiere. Dat spruts my oan omdat ik my sels wolris ferfeelde op skoalle. It ûnderwiis bea my dan net genôch útdaging. As bern selsstannich harren taken útfiere, leare se safolle as se sels kinne en wolle. Dêrtroch bliuwe se motivearre.’

‘Een school die met zijn tijd mee gaat’ ‘Toen Kim (6) drie jaar oud was, begon onze zoektocht naar een geschikte school. Mijn ex en ik waren toen al uit elkaar. We woonden allebei in Leeuwarden, maar in een ander deel van de stad. Via internet gingen we op zoek naar een school die voor beiden in de buurt was. Het zoontje van vrienden ging daar ook naartoe, dat voelde goed. We werden hartelijk ontvangen, maar de sfeer sprak ons niet aan: de lokalen en de manier van lesgeven waren rommelig en onoverzichtelijk. Daarna bezochten we Het Palet, een moderne school, wat ik een groot pluspunt

vond. In eerste instantie waren we niet helemaal overtuigd van de buurt, maar dat tegenargument woog uiteindelijk niet zwaar genoeg. Je gaat toch plussen en minnen. Kim zit inmiddels in groep 3 van deze school. Ze gaat er met veel plezier naartoe. Op Het Palet werken ze met digiborden en computers. Het is een school die met zijn tijd mee gaat. Bovendien komen de kinderen uit alle lagen van de maatschappij. Ook dat vind ik een pluspunt, ik wil dat Kim goed voorbereid wordt op haar latere leven in onze diverse samenleving.’

Eddy Hoekstra, Leeuwarden

‘Het pedagogische klimaat was voor ons de belangrijkste pijler’

Marieke Dawson, Joure

‘Wij verhuisden in 2011 van Den Haag naar Friesland. Nadat we Joure hadden uitgekozen als onze nieuwe woonplaats was het zaak om een school voor onze twee dochters Maaike (6) en Nynke (7) te vinden. We kenden nog niemand in Joure, dus we konden geen vrienden of buurtgenoten om advies vragen. En dus begon onze zoektocht op internet. In Joure zijn in totaal acht basisscholen, we bekeken de websites van alle scholen. We wisten dat we niet voor een hele kleine school wilden gaan, omdat de kwaliteit daar naar mijn mening kwetsbaarder is. De kwaliteit van het onderwijs en – nog belangrijker – het pedagogische klimaat waren

voor ons de belangrijkste pijlers. Nadat we de kleine scholen eruit gefilterd hadden, gingen we de overgebleven scholen dus beoordelen op kwaliteit. Dat deden we op basis van de inspectierapporten. Daarna waren er nog drie over, die hebben we alle drie bezocht. Tijdens dat bezoek gingen we puur op ons gevoel af. Uiteindelijk konden we niet goed kiezen tussen twee scholen. Het feit dat de ene school een christelijke school was, gaf de doorslag. Mijn man vond het gebouw en de speelplaats van die school eveneens mooier. En dus kozen wij voor It Haskerfjild. Achteraf een goede keuze, want Maaike en Nynke hebben het goed naar hun zin.’

39


Dyscalculie is meer dan ‘niet goed zijn in rekenen’ Aukje Mulder

De rekenles is voor sommige kinderen een dagelijks dieptepunt. Zij worden akelig van cijferwerk en een staartdeling is een nachtmerrie. En dan die tafels die ze maar niet onder de knie krijgen. Twee tot drie procent van alle leerlingen heeft dyscalculie, een rekenstoornis die meestal samengaat met andere beperkingen. Zoals: moeite met klokkijken, plannen en organiseren, een slecht geheugen en concentratieproblemen. Kortom: dyscalculie is méér dan alleen maar ‘niet goed zijn in rekenen’.

Tijdens de lagere schooltijd van Jeannette van der Meer uit Lemmer (37) was er nog weinig over dyscalculie bekend. ‘Omdat ik zoveel moeite had met rekenen, was mijn moeder thuis urenlang met mij bezig. En wat heb ik een bijlessen gehad! Iedere ochtend moest ik een kwartier eerder naar school om sommen te oefenen. Het sneue was: al die extra aandacht hielp niet. Getallen hadden voor mij geen betekenis. Ik kwam niet verder dan het rekenen van de vierde klas. Daardoor kreeg ik last van faalangst.’

40

Getallen hebben voor mij geen betekenis.

‘Toen mijn moeder een artikel las over dyscalculie viel het kwartje. Dat verhaal leek wel over mij te gaan! Daarna was er op school meer begrip.’ Maar een rekenstoornis achtervolgt je overal, merkte Jeannette. Ondanks hulp van een vriendelijke wiskundeleraar die met ezelsbruggetjes kwam, was de


wiskundeles een crime. ‘Ik zat er voor spek en bonen bij en haalde alleen maar enen en tweeën. Een bijbaantje in een winkel? Ik heb het geprobeerd. Maar geld teruggeven was moeilijk. Na een groot kasverschil zag ik in dat het niks werd. Ik beperkte me tot kranten rondbrengen en werk in een afwaskeuken.’

als 94 gelezen). Omdat het geheugen soms minder goed werkt, zakt informatie weg. Het kind is snel afgeleid en kan moeilijk zijn taken plannen. Tijdsbesef is lastig: hoelang duurt een uur, een dag, een maand? Omdat er onvoldoende begrip is van getallen, is het schatten van bedragen of leeftijden ook lastig. Het is dus heel divers.’

De tafels zijn er bijna niet in te krijgen.

Dyscalculie-verklaring Veel hiervan herkent Karin Oenema uit Joure bij haar dochter Björk (13). Björk kon niet meekomen bij het rekenen, maar ook begrijpend lezen was moeilijk, omdat haar aandacht wegzakte. Dat gebeurde ook als er veel informatie werd gegeven, bijvoorbeeld bij geschiedenis en aardrijkskunde. Karin liep bij een zoektocht op internet aan tegen het begrip ‘dyscalculie’. Zij uitte haar zorg op school, waarna er remedial teaching werd ingezet. Na een officiële test kreeg Björk een dyscalculie-verklaring. Daarmee heeft zij nu op het voortgezet onderwijs meer tijd voor toetsen en examens en mag zij bij wiskunde een rekenmachine en formulekaarten gebruiken.

Faalangst Als orthopedagoog bij OCRN (Leeuwarden, Groningen en Assen) begeleidt Annelies van der Ploeg kinderen en volwassenen met dyscalculie. ‘Net als bij het bekendere “zusje” dyslexie zijn er aanwijzingen voor erfelijkheid. Er is nog veel onwetendheid, ook op scholen, rond dyscalculie: wat is dyscalculie, hoe kan je het signaleren en aanpakken. Nu zie je nog vaak dat deze kinderen zich niet begrepen voelen, waardoor ze bijna allemaal een vorm van faalangst ontwikkelen of vermijdingsgedrag laten zien. Helaas is het een blijvende en complexe stoornis waarvoor nog niet één afdoende therapie bestaat. Bij OCRN bieden we een persoonlijke, op maat gemaakte rekenbehandeling.’ Hoe een kind met dyscalculie te herkennen? ‘Het kind blijft op de vingers tellen en loopt vast als er boven de 10 wordt gerekend’, zegt Annelies. ‘Automatiseren is moeilijk, tafels zijn er bijna niet in te krijgen. Cijfers worden vaak omgedraaid (49 wordt bijvoorbeeld

Omdat Björk nu in een B/K klas zit (Basis/ Kadergericht) van het RSG in Sneek, met daarin kinderen van hetzelfde niveau, haalt ze nu hele goede cijfers. ‘Ze volgt sinds groep 5 van de basisschool een eigen rekenprogramma (“Maatwerk”) en docenten vallen haar niet meer lastig met dingen waar ze ook via de rekenmachine achter kan komen. De laatste jaren zat Björk niet lekker in haar vel, maar nu ze beter presteert wordt ze zelfverzekerder. Zelfs begrijpend lezen gaat beter. Verder

maakt ze handig gebruik van moderne hulpmiddelen. Op haar mobiel plant ze alle afspraken, zodat ze niet meer in paniek raakt bij meerdere afspraken op een dag. Bij het winkelen is een pinpas natuurlijk ideaal. Maar ze zei laatst al dat een bijbaantje in de horeca er niet in zit voor haar. Afrekenen op een terras - ze moet er niet aan denken.’

Mijn zoon van acht is al verder in rekenen dan ik. Verwarrend Jeannette van der Meer heeft tijdens haar werk in de kinderopvang het rekenen niet nodig. Toch loopt ze nog geregeld tegen hobbels aan. ‘Bij contant betalen voel ik me onzeker. En nog steeds draai ik wel eens cijfers om, wat heel verwarrend is. De waarde van geld kan ik niet goed bepalen en hoge bedragen kan ik niet eens uitspreken. Bankzaken? Die doet mijn man. Inmiddels is mijn zoon acht jaar. Hij is al verder in rekenen dan ik. Ik schaam me er niet voor om dit te zeggen. Ik heb dyscalculie en daar kan ik niets aan doen. ’ Info: YouTube: Klokhuis-uitzending over dyscalculie Info voor leerkrachten: www.protocol ernstige rekenwiskunde-problemen en dyscalculie

41


bern & de earste kear

Wat binne der in protte ‘earste kearen’ yn in minskelibben! Understeande foto’s ha in plakje fertsjinne yn dizze ‘Heit & Mem’. De folgjende fotowedstriid is ‘meihelpe’. Upload de foto gau op www.heitenmem.nl!

3

2

dat Brecht in sinnebri l op hat.

1

dat ús heit my yn in amer triuwt!

de hjerst belibje.

5

op wintersport.

6

myn suske op skoat. op it strân.

4 yn it swimbad.

in potsje griente opite.

7

8

9

10

by pake op de fyts.

Foto 1 Foto 2 Foto 3 Foto 4 Foto 5

42

Jonathan Vos Brecht Bootsma Jurre Bram en Ylze Maaike Jarno Yde Boorsma Merle Iris Bos

F oto 6 Foto 7 Foto 8 Foto 9 Foto 10

Pieter van der Zwaag Lucas de Boer Anka-Lisk Dupon Caylen Bos Minke Rennie Strikwerda

nei it pjut tebo ar tersplak!


leve de lente! Tiid om der op út te gean, lekker in ein te rinnen mei de hûn of mei syn allen it fjild yn. It maaitiidsgers rûkt fris en de sinne docht syn bêst. De kleuren yn it fjild binne gieler as de sinne en reader as papaver. Mei in noflike trêd stappe jim troch it gers. Mar witsto de nammen fan de blommen yn ’e greide? In protte blommen ha net ien, mar meardere Fryske nammen. Sa’n namme bringt dy somtiden samar werom nei it ferline doe’tsto hân yn hân mei heit of pake moarns betiid it lân oerseachst. In kadootsje datst útpakst mei in eachopslach. Hjir stean in pear bekende greideblomkes. A piece of art of mother nature.

1

6

2

5

3

4 1 Madeliefje – koweblomke – finneblom 2 Rode klaver – reade klaver – bargeblom 3 Fluitenkruid – piipkrûd – spoekeblom 4 Witte klaver – wite klaver – skieppeblom 5 Smalle weegbree – hûnetonge – breablêd 6 Paardenbloem – hynstetister – tiksel - lampepûster Sjoch foar mear Fryske blommenammen op www.heitenmem.nl Hasto ek in moai oantinken by in blom? Lit it ús witte

43


Peter sammelet munten

Nynke van der Zee

“Ik bin de Dagobert Duck fan Reduzum” ‘Dy supergrutte munt moat hjir ergens sitte.’ Drok blêdet Peter van der Meulen (11) yn syn map fol jildstikken. ‘Ja, hjir ha ik ’m!’ Grutsk hâldt de jonge muntesamler it donkerbrune eksimplaar tusken tûme en wiisfinger. ’Dit is myn allerbysûnderste, want dit wie de earste munt dy’t ik fan ús heit krige. Dizze sil ik noait ferkeapje.’

De syktocht nei bern mei in nijsgjirrige samling wie noch net ienfâldich. Ja, fuotbalplaatsjes en Pokémonkaarten wienen der genôch. Mar in echte samling, dêr’t jierren fan oandacht, entûsjasme en passy ynsitte, blykt noch lestich genôch om te finen. Sammeljen is blykber net mear sa hip. Peter snapt dêr neat fan. ‘Ik fyn it just léuk om dingen te fersammeljen. Datst der hieltyd mear fan krijst en hiele aparte soarten, dat is toch cool?’ De beurs ynspektearje Spesjaal foar de foto hellet Peter syn munten ien foar ien út plestik hoeskes yn syn map. Sekuer wurde de jildstikken op it blauwe tafelkleed útstald. Hy kin krekt as Dagobert Duck wol hast swimme yn al syn jild. Yn totaal hat er wol sa’n 300 oant 400 munten, gokt er. ‘Mar dy helje ik der echt net allegear út hear. Witst wol hoelang at ik dan wer dwaande bin om

44

se der wer yn te krijen?!’ Op de eftergrûn fersuchtet syn âldere sus Nadine: ‘Ik snap net datsto it net gewoan útjoust. Ik hie der al lang wat fan kocht.’

Ik fyn it leuk om dingen te fersammeljen. Datst der hieltyd mear fan krijst en hiele aparte soarten, dat is toch cool? Sammeljen freget om hiel wat trochsettingsfermogen, wit Peter. ‘Moatst it wol echt leuk fine, oars hâldst it net fol. Ik sjoch yn de winkel altyd watfoar munten at ik by de kassa weromkrij. Miskien sit der wol ien tusken dy’t ik noch net ha. Dy doch ik

dan fuort yn myn map.’ Ek heit en mem ynspektearje elke dei harren beurs op bysûndere eksimplaren. En sit der ien tusken dy’t Peter noch net hat, dan keapet er de munt oer mei ‘saai’ jild. ’Dy gewoane euro’s mei ús eigen keninginne derop.’ Munten mei in ferhaal Al syn munten ha in eigen plakje yn de map. Peter skift de jildstikken per lân en leit se dêrnei ek noch op folchoarder neffens it jiertal. ‘Ik ha se fan hiel froeger oant no. Mar ik ha noch gjin munt fan 2013, dêr wachtsje ik noch op.’ En hy stiet fansels te springen om de nije Keningsmunt, dy’t spesjaal slein wurdt wannear’t Kening Willem-Alexander op de troan komt. ‘Einliks wer ris in kening op de munt. Ik ha no allinnich guons mei in keninginne.’


Hielendal foar yn de map sit syn moaiste munt, feilich weistoppe. It is de munt fan de berch Grossglockner út Eastenryk. ‘Tegearre mei ús heit ha ik dy berch yn ’e simmerfakânsje beklommen’, fertelt er grutsk. ‘It is de heechste berch fan it lân; hy is wol mear as trijetûzen meter heech. Wy hawwe hast hielendal boppe op de top west.’ Doe’t er nei in swiere klim wer ûnder stie, seach er dizze munt. ‘Hy koste acht euro, mar hy is mar fiif euro wurdich. Frjemd he?’

Einliks wer ris in kening op de munt. Ik ha no allinnich guons mei in keninginne.

Peter hat noch in opfallende munt mei in ferhaal. Foarsichtich hellet er in goudkleurich jildstik út in pûdsje. ‘Sjoch, dizze komt út Dútslân. Eagle’s Nest stiet derop; dat wie it fakânsjehûs fan Adolf Hitler. Dêr ha wy ek west yn de fakânsje. By in kreamke seach ik dizze munt lizzen en doe ha ik ’m kocht. Ik fyn ’m hiel spesjaal. Hy glimt noch hiel moai, mar ik fyn him foaral bysûnder omdat ik dêr sels west ha.’

Amerikaanske dollar en in Nederlânsk fiif gûne briefke. De dollar krige Peter fan syn buorlju, de fiif gûne fan syn heit.

In ryk man Hielendal foaroan yn de map hat Peter fjouwer kleurde kaartsjes stoppe. ‘Dat binne spesjale munten dy’t fiif euro wurdich binne. It Schilderkunst Vijfje, it Grachtengordel Vijfje, it Tulpen Vijfje en in Vijfje fan it WNF. As ik op tillevyzje sjoch dat der wer sa’n nije munt komt, dan keapje ik dy by it postkantoar.’ Los yn de map sitte ek noch twa jildbriefkes. In

As lêste lit er syn gekste munt sjen. In fjouwerkant eksimplaar, dêr’t er elke kear om laitsje moat. Tefreden slacht er dan de map ticht. ‘Peter is best wol ryk’, konkludearret syn lytse suske Anouk. Mar ferkeapje sil er syn munten net, belooft er. ‘Nee, want dat fyn ik skande fan myn samling.’ It is wol dúdlik; hjir sit letterlik en figuerlik in ryk man.

Dit is myn allerbysûnderste, want dit wie de earste dy’t ik fan ús heit krige.

45


mamatube

BABY

MARKT

1 tube

re en s toe veilige helmen! kinder

De voordeligste babyzaak van Friesland!

Van knuffels tot babykamers... Br. De Wittestraat1a BLAUWHUIS 0515-579526 – 06-20158671

6 outfits

WWW.BABYSNUFFELMARKT.NL

e Spe

eweegt - Ontw lt - B i kk elt

Buorren 62 9289 HH Drogeham 0512-332915 / 06-40892256 www.hout-speeltoestellen.nl miedema176@hotmail.com

Ook adverteren? Neem dan contact op met de Afûk: 058-234 30 84 - ynfo@heitenmem.nl


Namme: Jelle van der Bij (65) Lycke

PAKE SYN pop

Veronica van der Bij (hast 2) Wenplak: De Lemmer Relaasje: Al 41 jier troud mei Ypie van der Bij-Rosier

“Wy hawwe sels twa jonges. Myn earste twa pakesizzers binne ek jonges. Doe’t de tredde berne wurde soe, tocht ik by mysels: lit dat dan ek mar in jonge wurde. Dêr ha ik teminsten ferstân fan. Mar it waard in famke. In hiel moai, leaf, oanhinklik famke. Wat bin ik wiis mei har en wat kinne wy it ferskriklik goed mei elkoar fine! Ik kin my de dei noch goed heuge doe’t se berne waard. Wy hienen op fakânsje nei Finlân west. Wy wienen op de weromreis en hienen in tuskenstop yn Dútslân. Dêr sieten wy krekt oan de buorrel doe’t ús skoandochter belle. Wy wisten net hoe hurd at wy thúskomme moasten! Ik sjoch Lycke minstens ien kear yn de wike. Dan passe myn frou en ik op. Ik rin faak mei har efkes nei it doarp ta. Sa as jim op de foto wol sjen kinne, mei se graach by my sitte en krûpe. Se is sa leaf! It moaie oan it pakewêzen is dat je no alle tiid foar de bernsbern ha. Eartiids hie ik it altyd drok en hie ik allinne yn de fakânsjes in protte oandacht foar de bern. It soe best ris kinne dat ik no mei myn trije pakesizzers mear doch as ik ea mei myn eigen bern dien ha.”

Bisto pake of beppe en wolsto ek meidwaan oan dizze rubryk? Stjoer dan in foto fan dysels mei dyn pake- of beppesizzer nei: ynfo@heitenmem.nl.

47


Voordelig kennismaken met de Friesland Post Post? Neem dan nu een proefabonnement op de Friesland Post en ontvang 3 edities voor slechts € 10,-! Friesland Post is hét magazine vol boeiende reportages, foto’s, verhalen over het heerlijke (buiten)leven in het heitelân en interessante artikelen over bijzondere Friezen.

Het abonnement stopt automatisch na 3 edities.

JA

s 3 editie hts c voor sle

€10,-

Ik wil graag voordelig kennismaken met de Friesland Post en ontvang 3 edities voor slechts € 10,Ik betaal via

incasso / € 10,-

accept-giro / € 12,-

Uw gegevens Naam

Adres

Postcode

Plaats

E-mail

Telefoon

Ik machtig Friesland Post om éénmalig het verschuldigde bedrag af te schrijven van (Post)bankrekeningnummer:

Stuur deze bon op naar (postzegel niet nodig) Friesland Post, Antwoordnummer 1646, 8440 WB Heerenveen Insturen via internet kan ook:

www.frieslandpost.nl/heitenmem

Heit & Mem nr. 2 2013  

Het tijdschrift Heit en Mem is een tweetalig tijdschrift bedoeld voor alle vaders en moeders in Friesland met kinderen van 0 tot 12 jaar. He...

Read more
Read more
Similar to
Popular now
Just for you