Page 1

GRATIS EN FERGEES me i y m ni m

Een meester voor de klas

steeds zeldzamer

NR. 01 - 2013

Mindfulness Be tt e r omge a n me i e moa sje s

Stotterje is net ferbean


de Zorg van één Kraamzus t 0513 418888 • www.kraamzus.nl

Catalpa Catalpa Kinderopvang Kinderopvang

Lezen en voorlezen prikkelt de fantasie, ontwikkelt taalgevoel en bezorgt kinderen veel plezier.

Meertalige kinderopvang, Fries en Nederlands!

Meertalen nu – meer kansen voor later Op onze gezellige locaties krijgen kinderen de talen aangeboden oa door voorlezen, liedjes en gesprekjes. Het geeft een extra stimulans aan hun ontwikkeling. Juist daardoor krijgen zij iets extra’s mee voor later. T 0800-0743 (gratis), www.catalpa.nl

(voor)lezen is leuk! Nieuwsgierig wat wij voor de kleintjes (gratis) te bieden hebben? Loop binnen bij de bibliotheek of kijk op ontdekdebieb.nl


us hÚsdier josette zwier en ronnie van schaik binne de grutske âlders fan soan jurre (4 moanne). hûn jessey, poes Baby en eks-kater monster hearre ek by de húshâlding.

‘Jessey is in krusing tusken in Cane Corso, in Súd-Afrikaanske Boerboel en in Mastino Napoletano. Alle trije rassen binne fokt op waaksens. Jessey is in grutte hûn, breed en foars as in Rottweiler. Ymponearjend, mar sy hat in hiel rêstich en leaf karakter. Wy ha Jessey oanskaft yn de perioade dat wy op Jurre wachten; wy woenen sa graach ús leafde diele, mar it slagge mar net om swanger te wurden. Jessey wie ús treast yn dy tiid. Krekt doe’t ik mei IVF begjinne soe, wie it dochs safier. Spitigernôch krige ik in miskream, mar net lang dêrnei wie ik yn ferwachting fan Jurre. Jessey past goed op ús allegear en Jurre is fuort akseptearre as in húsgenoat. As de kreambesite Jurre op ’e earm hat, dan komt Jessey derby sitten. Mei de poezen is it in hiel oar ferhaal. Dy moatte bot wenne oan de desibellen fan Jurre. As Jurre it op in razen set, naaie sy út.’

Wolle jim ek mei jim húsdier yn Heit en Mem? Stjoer dan in foto mei in koart ferhaaltsje nei ynfo@heitenmem.nl

3


Tritich jier ha ik dwaan en litte kinnen wat ik woe en no... no moat ik my oanpasse oan in oar. En dat is somtiden best swier. Want wat moatte wy hjoed-de-dei in soad fan ússels. Hoe hienen se dat eartiids? Hoe hienen se dat mei fyftjin bern? Sy rêden it dochs ek op? Wêrom ha ik dan al muoite mei ien lyts skattich famke?

Memfulness Dieuwke van der Meer

Dieuwke van der Meer is redakteur fan Heit en Mem en webredakteur fan www.heitenmem.nl. Se is troud en mem fan dochter Maaike (9 moanne).

‘Hast wol wat tiid foar dysels?’ freget myn freondinne. Tiid foar mysels? ‘Ja hear!’ sis ik tsjin har. ‘Ik ha tiid foar mysels as Maaike even sliept. Dan romje ik har boartersguod even op, tsjek ik myn mail, meitsje ik in boadskippelistje, tear ik de wask op en gean sa mar troch. En dat allegear hiel hurd. It fielt as in race tsjin de klok, want foardat je it witte is se wer wekker en dan wol ik wol wat dien ha. It is stressen, dat wol. Begryp my net ferkeard, ik fyn it machtich om mem te wêzen, mar wat is it drok! De hiele dei hâldt sa’n lyts wûnderke je yn ’e besnijing.’ Ik moast har tajaan dat ik it mem-wêzen somtiden best wol dreech fyn. Wêrom kin ik no net in ûntspande mem wêze?

Kolofon

Redaksje Ciska Noordmans Dieuwke van der Meer Tineke Smidt Aukje Mulder Thomas Stuiver Nynke van der Zee Haadredakteur: Ernst Bruinsma Meiwurkers: Marrit de Schiffart Gerben Bergstra Aukje Mulder Nynke van der Zee Marieke Vinckers

4

Hedwig Terpstra Tjalling de Vries Ferdinand de Jong

Yllustraasjes: Natascha Stenvert (side 23, 32, 33)

Korreksje: Ytsje Steen-Buwalda info@sekuer.nl

Foarmjouwer: BW H ontwerpers www.bwhontwerpers.nl info@bwhontwerpers.nl tel.: 058 - 213 35 43

Redaksje-adres/ útjouwer: Afûk Postbus 53 8900 AB Ljouwert www.afuk.nl e-mail: ynfo@afuk.nl / ynfo@heitenmem.nl tel.: 058 - 234 30 70 Printwurk: Senefelder Misset, Doetinchem www.senefelder.nl info@senefelder.nl tel.: 0314 - 35 55 00

Fotografy: Het Hoge Noorden www.hogenoorden.nl info@hogenoorden.nl tel.: 058 - 215 79 66 Fotografie Lydia www.fotografielydia.nl info@fotografielydia.nl tel.: 06 - 25 135 898

In skoftsje werom foel myn each op in boek dat oer ‘mindfulness’ gong. Tige nijsgjirrich, want myn ‘mind’, dy is yndie aardich ‘full’ ja. Mar no skynt mindfulness in wize fan tinken te wêzen, dy’t dat drokke holtsje fan my wer wat leger meitsje kin. Hoe? Troch efkes stil te stean. Troch bewust dy iene hap fan dy swiete reade appel te priuwen en troch net oan dy iene ôfspraak op it wurk te tinken as ik Maaike yn bad doch. Mindfulness, de bern op side 42 begjinne der al jong mei. En ik jou harren grut gelyk. Want hoe belangryk is it wol net om yn balâns te wêzen. Werom nei de kearn. Wat fiel ik, wat tink ik en wat wol ik no eins graach? It is wer tiid foar Maaike har sliepke. Ik bring har op bêd en gean op de bank sitten. De wask slaan ik in dei oer en dy mail bliuwt der ek wol. Ik lústerje nei de lûden om my hinne, ik hear de kat spinnen, dy’t neist my lizzen gien is. Ik fiel myn lichem, ik fiel hoe stiif at myn nekke- en skouderspieren eins binne. En ik priuw hiel bewust de rooibostee mei huning. Mmmm. Even stilstean en werom nei de kearn. Dát is pas memfulness!’

Distribúsje: Heit en Mem wurdt fergees ferspraat yn in oplage fan 35.000 eksimplaren. Der wurdt wurke neffens in redaksjestatút dat boarch stiet foar de ûnofhinklikheid fan de redaksje. Dizze Heit en Mem is it earste nûmer dat yn 2013 ferskynt fan dizze rige. Heit en Mem is in meartalich tydskrift en spesifyk rjochte op âlders mei bern yn Fryslân. Heit en Mem is fergees te krijen by boekhannels, bibleteken, gemeentehuzen en yn oare iepenbiere romten. Sjoch foar de ferspriedingslist op www.heitenmem.nl. Abonnemint Mei in abonnemint op it blêd Heit en Mem wurde jo foar € 10,trije nûmers tastjoerd. Sjoch op www.heitenmem.nl foar mear ynformaasje. ISSN: 1878-4437 Heit en Mem kinst ek folgje fia: Utjûn mei stipe fan de provinsje Fryslân.


Ynhâld nr. 01 14

Eerste Hulp

18

HEIT&MEM-Beurs

38

BSO SKIK

03

Us hĂşsdier

27

Berneboeken

04

Kollum Dieuwke van der Meer

28

De Kening fan Juster

06

Heit en Mem Post

31

Heit en Mem Boeken

08

Stotterjen is hielendal net slim

32

Goed, gezond en lekker

10 Zwangerschapsvergiftiging

35

Kollum Tjalling de Vries

13

Swier & Swiet

36

Kinderteater

14

Eerste Hulp bij Kinderongelukken

38

BSO SKIK

16

Bern

40

Fotowedstriid Bern & Winter

18

HEIT&MEM-Beurs

41

Kollum Ferdinand de Jong

20

In meester foar de klasse

42

Mindfulkids

23

Bernepraatsjes

46

Kollum Ciska Noordmans

24

Yn ferwachting

47

Beppe har pop

5


HEIT & MEM POST Yn maaie komt it folgjende nûmer fan Heit & Mem út. Wolsto wat oan ús kwyt? In bysûnder ferhaal, in moaie foto, in goeie tip of gewoan dyn miening ergens oer? Mail it ús of stjoer it op! ynfo@heitenmem.nl Heit & Mem Postbus 53 8900 AB Ljouwert. of sykje ús op fia Twitter, hyves of facebook.

op de coVer

Op de cover stiet Marith Posthumus út Stiens. Se is 5 jier en hat de fotoshoot by ‘Lydia Fotografie’ hiel moai fûn. Marith wol letter, at se grut is, graach prinses wurde, mei in hiele moaie jurk oan, glitters op it gesicht en mei wjukken. Sadat se ek in bytsje fleane kin, lykas Mega Mindy. Fierder lústert se graach nei K3 en fynt se ‘babypoeskes en babyhûntsjes’ it allerleafst.

tekenkeunst Dach Heit & Mem, hjirby in tekening fan ús dochter Anna (4). Se hat net allinnich har heit en mem, mar ek har twa grutte bruorren, sus en trijelingbroerke en -suske tekene! Dit is echt ús gesin! Joke Peenstra út Warten

Hat dyn bern (1-12 jier) ek in bysûndere tekening makke? Mail him gau nei ynfo@heitenmem.nl.

6

beppe marijke Us beppe wennet op in pleats yn Burchwert, se is noch hiel warber. Eltse dei (april-sept.) melkt se twa kear tegearre mei pake sa’n 50 skiep. Earst hellet beppe de skiep op út it lân mei de quad (ja, ja in stoere beppe!) en dêrnei makket se der skieppetsiis fan, wat in hiel wurk is eltse dei. Se docht it mei in soad wille en we heare har noait protteljen!! Dêrneist binne der faak oppasbern te finen. Efkes mei-ite, útfanhûs, meihelpe op de pleats. It kin dêr allegear! It soe moai wêze om ús beppe mei har tsien beppesizzers efkes yn ’t sintsje te setten, want dat hat se echt fertsjinne!!! Albertje Strikwerda út Doanjum

86% fan de besikers op heitenmem.nl hat in bern mei in fryske foarnamme.


@jeltjestoker 'mem, het is al bijna Sinterklaasdag hè?' Marije 3jaar #heitenmem

@skiffie1977: Mooie logica van een peuter: mijn vinger is nat! Laat de handdoek maar hangen, geef me de vingerdoek maar om 'm af te drogen. #heitenmem

br

Ûk #he ite nm op tw em it t er tw en f yn r dyn om he i yn t& de me m!

ee t

@rennyvdmeulen: Komen ze wel of komen ze niet...#heitenmem

we

@sybrenposthumus: Aardich inisjatyf, heit en mem beurs! #heitenmem

@Mien: Wat is it toch in geweldich moai gesellich bled. Spit him mar wer ris troch fan foar tot achter! #heitenmem

@Anitaah82: Jaaa hèt leukste tweetalige tijdschrift lag ook weer op mijn zuidhollandse deurmat! #heitenmem

@MJKooistra: HW'tsje had een goede reden bij het avondeten, om zijn worteltjes niet op te eten; nee heit dat is foar it hynder fan sinteklaas #heitenmem

poppe fan de moanne! lekker kontsje! Zijn dit de Surinaamse billen van mama, of de schaatsbillen van papa? Martijn Kromkamp

noVimber

oktober chidimma joy amadi

jurre van schaik

(4 moanne) út Pietersbierum

(6 wike) út Dronryp

desimber

hy skopt! Onze dochter Amy Sjoukje (bijna 2) voelt voor het eerst haar broertje schoppen. Heel bijzonder! Ik ben nu inmiddels al weer 28 weken zwanger!

jannewaris

jan hendrik propsma

famke janna

(2 dagen) út Bûtenpost

(4 dagen) út Snits

Fynsto dat dyn soan, dochter, beppesizzer, omkesizzer, buorjonkje of buorfamke ek de moaiste poppe fan de wrâld is? Mail dan in foto nei ynfo@heitenmem.nl en wa wit stiet dyn foto in skoftsje letter as poppe fan de moanne op heitenmem.nl en krije jo it nijste Fryske berneboek tastjoerd!

Yvonne Gerrie Baas-Miedema uit Buitenpost

7


Stotterjen

is hielendal net s-s-s-slim

Grutte blokken hout foar de kachel smyt Brent (7) út de karre yn de kroade. Tegearre mei syn bruorke Lars heistert er graach bûten om. Heit helpe, meielkoar op de trampoline springe of ride op de iisbaan dy’t flak efter it hûs leit. Dizze stoere jonge út groep 4 kin alles: kuorbalje, reedride, dino’s knutselje, rekkenje, taal. Allinne praten wol net altyd like goed. Brent stottert. ‘Mar dat fyn ik hielendal net slim.’ 8


Nynke van der Zee Stotterjen, sa’n fiif prosint fan de populaasje bern oant en mei 6 jier hat dêr wolris lêst fan. Se komme efkes min út har wurden, bliuwe heakjen healwei de sin of ferlingje bepaalde klanken yn in wurd. ‘Stotterjen is in timingsprobleem’, fertelt stotterterapeute Eeuwkje Kraak. Tegearre mei Annemarie van Esveld is Eeuwkje yn 2012 úteinset mei it Stottersintrum Fryslân op De Jouwer. Beide froulju ha de 2-jierrige oplieding ta stotterterapeute folge by de Nederlandse Vereniging voor Stottertherapie (NVST). ‘Stotterjen freget om in hiel spesifike oanpak.’ De sprekkeamers fan Eeuwkje en Annemarie steane fol mei boartersguod. Fan moaie poppehûzen oant stoere raceauto’s. De stotteraars dy’t hjir komme binne somstiden noch mar pjutten. ‘Stotterjen is yn ’e oanlis oanwêzich en utert him meastal by bern tusken de 2 en 7 jier. Faak begjint it al op de pjutteleeftyd, om’t bern dan lytse sintsjes meitsje kinne. Mar it kin ek op lettere leeftyd ûntstean. By in grutte groep giet it stotterjen op in natuerlike wize wer oer. Mar by sommige bern is in behanneling troch in stotterterapeute nedich’, leit Eeuwkje út.

‘Stotterjen freget om in hiel spesifike oanpak.’ Twa metoaden Foar de stotterterapy by bern brûke Eeuwkje en Annemarie twa metoaden. De earste behanneling ferrint neffens it saneamde Demands and Capacity model. ‘Dêrby sykje wy de balâns tusken de kommunikaasjemooglikheden fan it bern en de ferwachtings fan syn omjouwing’, fertelt Eeuwkje. ‘Stotterjen hat faak te meitsjen mei spanning, mei snelheid en mei barriêres. Wy advisearje âlders en learkrêften yn dat gefal om mear tiid te nimmen foar aktiviteiten. It tempo moat omleech, sadat de spanning fermindert.’ De twadde metoade is dy fan Lidcombe, in gedrachsterapeutyske behannelingsmetoade wêrby’t útgongen wurdt fan floeiende spraak. ‘Bij deze methode bevestig je positief gedrag’, leit

Tips foar âlders mei stotterjende bern: • Sykje út hokker aktiviteiten oft foar spanning soargje en besykje dy foar te kommen. • Soargje foar regelmaat yn de dei: aktiviteiten op fêste tiden, in stadiger libbenstempo en jûns op ’e tiid op bêd. • Makkest dy soargen oer de spraakûntwikkeling fan dyn bern? Wachtsje net te lang, mar nim kontakt op mei in stotterterapeut. Seker by jonge bern kin stotterjen hielendal oergean. • Wolst mear witte oer stotterjen en stotterterapy, sjoch dan ris op www.stotteren.nl. Annemarie út. ‘Dus wanneer het kind een zin vloeiend uitspreekt, benoem je dat. Niet door het een compliment te geven, maar door simpelweg te benoemen: ‘Dat heb je vloeiend gezegd.’ Op die manier proberen we de vloeiende spraak die er al wel is, te herkennen en uit te breiden totdat het kind (vrijwel) geheel vloeiend kan spreken.’ Stotter time-out Brent reizge tegearre mei mem Janneke in jier lang hinne en wer nei De Jouwer foar terapy by Eeuwkje. Hy laket as er dêr oan weromtinkt. ‘Wy moasten prate as bijen. Sa fan bzzzz, bzzz...’ Ek kaam Eeuwkje by him op skoalle om yn syn klasse de oare bern te fertellen oer stotterjen. ‘Sy fertelde it ferhaal oer de hazze en de skylpod’, wit Brent noch. ‘En dêrnei krigen we in kleurplaat fan in trekker.’ Op dit stuit folget Brent efkes gjin terapy mear. ‘Hy is no noch te jong om spesjale techniken te learen en wy fine it wichtich dat er gewoan himsels wêze kin’, fertelt Janneke. ‘Efkes in stotter time-out.’

‘Vloeiend spreken voelt voor een stotteraar als het spreken van een tweede taal.’ ‘Stotterjen is net ferbean’, fertelle de terapeutes altyd oan de bern. Dat dogge se om foar te kommen dat it praten sels foar spanning soarget, wêrtroch’t it stotterjen allinnich mar slimmer wurdt. Eeuwkje: ‘Ik hie lêstendeis in jonkje oan tafel dy’t in soad lêst hie fan syn stotterjen. Syn

wize fan stotterjen wie lykwols wol kommunikatyf. Sa no en dan werhelle er in wurdsje sûnder spanning. Doe’t ik opmurk dat er eins wol hiel moai stottere, seach ik him opfleurjen. ‘Ja, echt?’ Fanôf dat momint waard it in stik better, omdat er it sels akseptearre.’ In twadde taal Der binne lykwols ek spesjale techniken om floeiender te praten, fertelt Annemarie. ‘Er zijn verschillende manieren. Maar 100 procent zekerheid dat het stotteren overgaat, kunnen we niet geven. Deze technieken zijn een hulpmiddel, maar je zult ze altijd toe moeten passen. Dat kost energie en concentratie. Vergelijk het met het spreken van een tweede taal, zoals Frans of Duits. Door te oefenen word je er steeds beter in, maar het zal je altijd meer moeite blijven kosten.’

‘As ik wat fertelle wol, wachtsje se mar wat langer.’ Dat jildt ek foar Brent. As er mei freonen boartet, hat er hast gjin lêst fan syn stotterjen. Mar wannear’t er wat fertelle sil yn ’e kring, dan wurdt it lestiger. ‘Of in mop, dan stotterje ik ek faak.’ Sjonge dêrtsjinoer giet him dan wer poerbêst ôf. ‘En wannear’t er lilk is, hat er ek gjin inkel probleem mei it finen fan de juste wurden’, gnysket heit Wytse-Erik. Brent hat der gelokkich net sa’n soad muoite mei. ‘Ik fyn it net sa slim hear. As ik wat fertelle wol, wachtsje se mar wat langer.’ En sa is it.

9


Aukje Mulder

Van hoge bloeddruk naar zwangerschapsvergiftiging

Je komt nietsvermoedend voor controle bij de verloskundige en je bloeddruk blijkt te hoog. In de meeste gevallen loopt het met een sisser af maar het is wel zaak om waakzaam te blijven. Hoge bloeddruk kan namelijk het begin zijn van zwangerschapsvergiftiging. Gevaarlijk voor moeder ĂŠn baby. Het overkomt 4 % van de zwangere vrouwen, voornamelijk in de eerste zwangerschap.

10


Pietsje de Haan uit Jubbega hoort van haar verloskundige in week 25 dat haar bloeddruk te hoog is. De medicatie van de gynaecoloog helpt niet. In week 30 zit er ook eiwit in de urine. Er is geen ontkomen aan: zij moet worden opgenomen. ‘Je niet ziek voelen en wekenlang verplicht in het ziekenhuis liggen, vreselijk! Mijn man had zijn werk en mijn dochtertje van vier werd door familie opgevangen. Ik vond het moeilijk om die zorg uit handen te geven.’ Hoewel Pietsje zich niet ziek voelt, maakt haar omgeving zich wel zorgen. Ze heeft een zwangerschapsvergiftiging en houdt vocht vast, ziet er opgeblazen uit en plast uiteindelijk nauwelijks meer. Als blijkt dat de baby niet meer groeit, wordt de bevalling ingeleid. Erwin wordt met een gewicht van 1800 gram geboren bij 34 weken.

Vanwege longproblemen moet Erwin naar het Universitair Medisch Centrum Groningen (UMCG). Pietsje verblijft met man en dochter die periode in een hotel. ‘We zijn nu een half jaar verder en het is gelukkig helemaal goed gekomen met Erwin. Zelf was ik pas weer na vijf maanden de oude. Ik voelde me nog lange tijd slap en ik moest mijn conditie weer langzaam opbouwen. Die hele periode heeft er flink ingehakt. Bij ons allemaal.’

‘Als Isa en ik in een ontwikkelingsland hadden gewoond, waren we er niet meer geweest.’

Wondertje Isa is 21 maanden oud en een echt wondertje. Haar moeder Magda Bijlsma uit Gorredijk kijkt met verbazing hoe goed ze het doet. ‘Volgens het consultatiebureau loopt ze gelijk op met kinderen van twee jaar. We mogen onze handen dichtknijpen. Als ik in een ontwikkelingsland had gewoond, waren Isa en ik er niet meer geweest.’ Magda kreeg HELLP*, de zwaarste vorm van zwangerschapsvergiftiging. Ze is nog steeds niet de oude. Vanwege een zwangerschapsvergiftiging belandt Magda in de 27e week in het ziekenhuis. Alle medicatie ten spijt: haar toestand wordt snel ernstiger. ‘De 32 weken haal je niet’ zei de gynaecoloog tegen me. ‘Nee’, zei ik, ‘ik ga voor de 38.’ Want het gekke was: ik had zelf de ernst

11


Blijf waakzaam bij hoge bloeddruk ‘Zwangerschapsvergiftiging is eigenlijk een misleidende term’, zegt verloskundige Oda Kerkvliet uit Gorredijk. ‘Er is namelijk geen sprake van een gif maar van een risico op een aantal klachten. Het kan na de 20e week optreden en onduidelijk is waardoor het ontstaat. Een eerste symptoom is hoge bloeddruk. Als ook eiwit in de urine wordt gevonden, spreek je van pré-eclampsie. Krijgt de aanstaande moeder ook last van stuipen, dan is er sprake van eclampsie. Ze zal dan ook altijd in het ziekenhuis worden opgenomen.’ ‘Soms ontstaat daarna het HELLP-syndroom: lever en nieren functioneren onvoldoende en soms ontstaan stollingsstoornissen. Dit is gevaarlijk voor moeder en kind. Omdat

helemaal niet door. Later hoorde ik, dat mijn placenta nog maar voor éénderde werkte. De baby groeide helemaal niet goed meer.’

‘Ik was me niet bewust hoe ziek ik was.’ Spoedkeizersnede Magda wordt naar het UMCG overgebracht waar een speciaal team over haar waakt. Op een ochtend in de 29e week voelt ze haar baby niet meer bewegen. Ze is in paniek. Achteraf vertelt de familie hoe gejaagd ze was en hoe ziek. Zelf weet ze dat niet meer. Ze herinnert zich alleen nog dat ze tegen haar man, tijdens het zetten van de ruggenprik voor de spoedkeizersnede, zegt: ‘Blijf met me praten want als ik mijn ogen nú dicht doe, ga ik dood.’ Isa wordt geboren. Zij is 36 cm lang en weegt 980 gram. ‘Ze paste op een hand, haar kleertjes waren kleiner dan van Baby Born.’

12

de placenta minder doorbloed raakt, krijgt de baby te weinig voedingsstoffen en kan daardoor een groeiachterstand of hersenbeschadiging oplopen.’ ‘Blijf dus altijd waakzaam bij hoge bloeddruk’, waarschuwt de verloskundige, ‘want HELLP kan redelijk snel toeslaan. Trek aan de bel bij symptomen als: hoofdpijn, sterretjes of lichtflitsen zien, braken, het gevoel van een strakke band om hoofd of bovenbuik, pijn tussen de schouderbladen, plotseling vasthouden van vocht. Luister goed naar jezelf. Bedenk niet zelf verklaringen voor je klachten maar bel met je verloskundige. Wacht daar niet mee omdat je misschien al een controleafspraak hebt staan.’

Ze zijn er dan nog niet. Want Isa’s lever werkt niet goed en ze krijgt twee hersenbloedinkjes. In het jaar daarna heeft ze last van lichte epileptische aanvallen omdat haar zenuwstelsel haar snelle groei niet kan bijhouden. Ook wordt een hartruisje geconstateerd. Het is ziekenhuis in, ziekenhuis uit. ‘Maar inmiddels zijn alle testuitslagen goed. We maken ons nu geen zorgen meer over Isa.’

‘Sinds de bevalling ben ik aan het dokteren.’ Concentratieproblemen De nasleep voor Magda duurt nog steeds voort. ‘Ik was een echte aanpakker maar ben nu sneller moe. Door concentratieproblemen heb ik een aangepaste functie voor minder uren. Ik blijf vermoedelijk altijd gevoelig voor stress en ik zal voor een deel worden afgekeurd. Want als ik het heel druk heb gehad, krijg ik uitvalverschijnselen

*HELLP is een afkorting van Hemolysis (hogere bloedafbraak), Elevated Liver enzymes (overvloed aan leverenzymen), Low Platelets (te laag gehalte bloedplaatjes).

in mijn rechterbeen. Autorijden gaat moeizaam en bij donker lukt het nog steeds niet. Sinds de bevalling ben ik aan het dokteren: osteopaat, fysiotherapeut, medisch psycholoog. En dat allemaal door HELLP. Ik had er nooit bij stilgestaan, wat voor impact deze ziekte kon hebben.’ Reageren op dit artikel? Kijk op www.heitenmem.nl


Swier & Swiet Stappe stap

BPA

Leuk zijn ze, hè? Deze leren slofjes van www.baby-steps.nl. Het voordeel van leren slofjes is dat ze in de winter heerlijk warm zijn en in de zomer lekker koel. En ze zijn natuurlijk makkelijk schoon te houden. Het mooie van deze slofjes is, dat er een elastiek rondom het instapgedeelte zit, waardoor ze altijd perfect zitten en niet uitgaan.

Hieltyd faker sjogge wy op ferpakkingen fan babyflessen, stiken (spenen) en boartersguod stean: ‘100% bpa-vrij’. Mar út de poll op heitenmem.nl blykt dat 80% fan ús besikers net krekt wit wat BPA is. BPA is in ôfkoarting foar Bisfenol A en dat sit yn in hiel soad produkten dy’t wy dageliks brûke, lykas blikjes, flessen, kassabontsjes en plestik. Wat ek in soad net witte, is dat dy stof foaral skealik is foar froulju dy’t yn ferwachting binne, harren ûnberne poppen en lytse bern. De BPA út bygelyks in sûchfleske kin nammentlik loslitte troch ferwaarming en telâne komme yn it iten. Gelokkich spylje hjoed-de-dei in soad fabrikanten op dat probleem yn troch de bpa yn harren produkten te ferfangen troch in oare stof.

Gebarenwille Bern begjinne meastal mei sa’n oardel jier te praten. Mar bern kinne al folle earder kommunisearje troch it brûken fan gebaren. Fan seis moanne ôf kinst begjinne mei it brûken fan gebaren en fan ûngefear njoggen moanne ôf kinne bern begjinne werom te gebaren. De gebaren binne itselde as mei de dovetaal. It foardiel fan it brûken fan gebaren is dat bern better begrepen wurde, it skeelt in soad frustraasjes by de âlders én de bern. Neffens Amerikaanske ûndersikers kinne bern dy’t babygebaretaal leard hawwe, earder en better prate. En dêrneist is it foaral hiel leuk om dat mei dyn baby te dwaan! Op de foto’s stiet Sieds Keekstra (1,5 jier) dy’t, fan links nei rjochts, de gebaren makket foar ‘heit’, ‘sliepe’ en ‘fleantúch’. Ek wat foar dy? Op ferskate plakken yn Fryslân kinst in kursus folgje. Sjoch bygelyks ris op www.gebarenwille.nl of www.babygebaren-friesland.nl.

Om yn te biten! Rint it wetter dy al yn ’e mûle? Yn dizze 100% BPA-frije silikonensûkeladereep kinne de lytskes lekker harren (trochkommende) toskjes sette. Dit sûkelade-bytding is sêft foar it toskfleis en, sis no sels, leuk om nei te sjen! Te bestellen foar € 12,95 by www.rondomeva.nl.

Maaltijd aan huis Als je net vader of moeder bent geworden, heb je meestal wel wat anders aan je hoofd dan eten koken. Toch is goed eten dan juist belangrijk. Gelukkig kun je tegenwoordig gewoon je eten aan huis laten bezorgen via dinnerbaby.nl. Ze bezorgen door heel Friesland. De maaltijden zijn dagvers, biologisch en speciaal geschikt voor vrouwen die borstvoeding geven en aan moeten sterken. Ideaal toch?

13


Een ontdekkings­ reis met vallen en opstaan Aukje Mulder

Jelmer ziet vloeibaar wasmiddel voor limonade aan en neemt een slok. Robin mist een tree en rolt van de trap. Nynke trekt zich op aan het tafelkleed en kiepert een pot hete thee over zich heen. Jonge kinderen op ontdekkingsreis komen hun eerste levensjaren meestal niet zonder kleerscheuren door. De cursus Eerste Hulp bij Kinderongelukken leert ouders adequaat te reageren als er onverhoopt iets gebeurt.

De dag waarop zijn dochter slaappillen inslikte, vergeet hij nooit. ‘We zouden gaan verhuizen en waren de bovenverdieping aan het opruimen’, vertelt Linze Haanstra*. ‘Onze driejarige dochter hielp op haar manier mee. Omdat het een tijdje stil was, gingen we op onderzoek uit. Ze zat op ons bed. In het nachtkastje had ze een doosje slaappillen gevonden. Ze slikte er net een door terwijl ze zei ‘snoep’. Paniek! Hoeveel pillen had ze al opgegeten? We hebben haar naar het ziekenhuis gebracht. Daar is haar maag leeggepompt.’ Haanstra is inmiddels opa en past regelmatig op zijn kleinzoon. ‘Die verantwoording die je hebt... Vaak moet ik nog aan onze dochter en haar ‘snoepjes’ denken. Ze is later in ons nieuwe huis nog lelijk van de trap gevallen ook. Nu mijn kleinzoon hier rondscharrelt, komen die herinneringen terug. Daarom heb

14

ik me voor een cursus Eerste Hulp bij Kinderongelukken aangemeld.’

‘Paniek! Hoeveel pillen had ze al op?’ Schuldgevoel Instructeur Peter Dispa hoort regelmatig verhalen van ouders die met een schuldgevoel rondlopen. Verhalen die beginnen met ‘had ik maar’. ‘Pasgeleden sprak ik een cursiste die niet los kon komen van het ongeval van haar zoontje. Het achtervolgde haar al maandenlang. Het jongetje had ongemerkt een knikker ingeslikt. Toen hij blauw aanliep omdat de knikker in zijn keel bleef steken, was ze in paniek naar de buurvrouw gerend. Haar zoontje had het er ternauwernood levend van afgebracht. Sinds die dag kon ze alleen maar denken: ‘stel dat het fout was

gegaan’. Ze maakte zich grote verwijten en was bang dat er wéér iets ergs zou gebeuren. Een bezorgde verpleegkundige op het consultatiebureau gaf haar het advies om zich voor de cursus in te schrijven.’ Peter steekt ouders een hart onder de riem. ‘Ook al let je goed op, een huistuin-en-keukenongeval zit in een klein hoekje. Je kunt nooit álles voorkomen.’ Dat blijkt wel uit de cijfers van de stichting Consument en Veiligheid. De Spoedeisende Hulp-afdelingen van ziekenhuizen behandelen per jaar gemiddeld 45.000 kinderen (van 0-4 jaar). Daarnaast worden 6.700 jonge kinderen opgenomen en komen elk jaar bijna dertig jonge kinderen te overlijden. Mix van leeftijden De cursussen Eerste Hulp bij Kinderongelukken, die meestal


Tips van Peter * Pak een kind na een (onge)val niet meteen op. Beweging kan meer schade veroorzaken. Laat het kind zelf overeind krabbelen en naar je toekomen. Lukt dat niet of zijn er afwijkingen in het bewustzijn, bel dan de ambulance.

via thuiszorgorganisaties worden georganiseerd, voorzien in een behoefte. Peter komt een mix van alle leeftijdscategorieën tegen. ‘Aanstaande moeders, en ouders die thuis of bij anderen een ongeval met een kind hebben meegemaakt. Er melden zich ook grootouders die meer zelfvertrouwen willen op een vast oppas-dagje. De cursus is verplicht voor gastouders die bij een bureau zijn ingeschreven. Verder zie ik ook juffen, meesters en peuterleiders.’ Net als veel van zijn collega-cursusleiders heeft Peter een achtergrond als verpleegkundige op de Spoedeisende Hulp. Hierdoor diept hij moeiteloos praktijkverhalen op, waardoor de theorie nooit saai wordt. De cursus is intensief: in twee dagdelen komen alle grondbeginselen van de EHBO aan bod. Wat te doen bij brandwonden, snijwonden, vergiftiging, verslikken,

* Probeer rustig te blijven en parkeer je eigen emoties. Voorkom dat de paniek overslaat op je kind.

verstikking, hondenbeten en ongelukken met elektrische stroom. De deelnemers leren reanimeren en de bediening van een AED-apparaat. ‘Alles zo simpel mogelijk en in logische stappen. Zodat ouders een probleem tijdens een stresssituatie aankunnen, in afwachting van deskundige hulp.’

‘Je kunt nooit álles voorkomen.’ Emoties Aan het begin van de les vraagt Peter altijd wie er zelf ervaringen hebben met ongevallen. ‘Ik kan dan rekening houden met de reacties. Sommige ouders zien namelijk zelf weer de beelden voor zich van hun eigen kind: bloedend, bewusteloos, benauwd of met een armof beenbreuk. De emoties laaien soms

in volle hevigheid op. Dat is niet erg. Het is vaak een teken dat op dat moment de verwerking pas echt begint.’ Er komt nogal wat narigheid voorbij, maar er wordt ook veel gelachen, verzekert Peter. Hij waarschuwt ouders om niet overbezorgd te worden. ‘Je kunt een traphekje, stopcontactbeschermers en een rekje op het gasfornuis plaatsen. Je bergt kleine voorwerpen op en zet alle huishoudspullen in een hoge kast. Maar gevaar komt soms uit onverwachte hoek. Groot worden gaat nu eenmaal met vallen en opstaan. Zeker als kinderen de leeftijd hebben waarop ze alles willen onderzoeken. Geef ze dus de ruimte om de wereld te ontdekken.’

*De naam is om privacyredenen gefingeerd.

15


bern Snurkey

Sammelje

Hat heit of mem in seare kiel fan it ferskes sjongen foar de bern? Snurkey nimt it graach oer! Mei gemak sjongt en fertelt hy de favorite ferskes en ferhaaltsjes fan dyn bern, dy’t heit en mem sels ynsprutsen of ynsongen ha. Sa heart it bern altyd de stim dy’t fertroud is. Op de fuotsjes fan Snurkey sitte knopkes om him te betsjinjen. It aapke is te bestellen fia www.snurkey.com

De letterbak is wer hielendal hip. Leuk om te brûken as sammelbak of folje him mei de favorite foto’s fan dyn bern. Kinst de bak yn ferskate soarten, maten en kleuren krije. Sjoch op www.mijnthuisgevoel.nl

Win Snurkey! Heit & Mem jout in Snurkey wei! Lit ús op www.heitenmem.nl witte watfoar ferske of ferhaaltsje asto it leafst oan dyn bern, pake- of muoikesizzer hearre litst. It orizjineelste antwurd wint Snurkey!

Huize Smit Yn Huize Smit binne se wol hiel kreatyf! Op www.huizesmit.nl fynst leuke selsmakke assessoires foar poppen en bern. It kin ek nei dyn eigen winsken makke wurde. Mei dizze breidene slofkes bliuwe de fuotsjes lekker waarm.

Op nei it swimbad! Dizze tas sjochst net gau oer de holle yn ’e drokte by it swimbad. Hy is makke fan tafelseil en dus wetterticht. De tas hat sels in fakje oan de sydkant foar in fleske drinken. Orizjineel kadootsje foar it ôfswimmen! Bestelle kin op www.tassies.nl.

Schmidt yn it Frysk! 5+ Augurken, feeën en stofsûgers binne noait mear itselde ast de foarstelling sjoen haste! Mei de lietteksten fan Annie M.G. Schmidt wurdt it in teatrale stamppot fan poëzy en humor. Oant 3 maart oeral yn Fryslân. Mear ynformaasje is te finen op www.tryater.nl Sjoch foar mear moaie bernefoarstellings op side 34-35.

16


Inkipinki Poppentheater Inkipinki makket poppeteater foar alle leeftiden oant en mei groep 8. Spannende ferhalen foar stoere en bange jonges en famkes, oer feeën, yndianen of memmen dy’t har oeral mei bemuoie. Inkipinki is alle lêste woansdeitemiddeis fan ’e moanne yn ’e bibleteek fan ’e Jouwer, om 15.00 oere. Mar Inkipinki is ek yn te hieren foar in jierdeifeestje by jim thús. www.inkipinki.nl

Meer talen? Een hersenboost!

De Speurplaat app Als een kind meertalig wordt opgevoed heeft dat invloed op zijn probleemoplossend vermogen én op zijn persoonlijkheid. Neurologen stelden vast dat meertaligheid het brein extra prikkelt; een boost voor de hersenen. Beter dan ééntalige kinderen kunnen meertalige kinderen taken afwisselen zonder in de war te raken. Mear lêze? Sjoch op www.cedin.nl of www.heitenmem.nl

Dizze Speurplaat app fertelt bern alles oer kultuer en sport yn Fryslân. Troch 300 oandrukpunten komt Fryslân op it skerm ta libben en ûntdekke bern hieltyd wat nijs. Neist alle ynteraktive eleminten hat it spul it bekende ‘sykje en fyn’-spulelemint, dêrtroch wurdt ek de wurdskat fan bern grutter. Gratis en fergees. Sjoch www.speurplaat.nl

Skuon keapje? Is dyn soan of dochter alwer oan in pear nije skuon ta? Sykje in pear fleurige út en betink dêrby: • learen skuon azemje better, dat komt switfuotten en fuotskimmels tefoaren, • learen skuon foarmje har better nei de bernefoet. • mjit beide fuotten en rekkenje 12-17 mm ekstra. Pas altyd mei beide fuotten! Nije skuon kinne fansels fuort oan! Mear tips lêze? Sjoch op www.tipskinderschoenenkopen.nl

PlusPlus Nij boartersguod yn de foarm fan twa pluskes, geskikt foar jonges en famkes fan 3-12 jier en te krijen yn twa formaten: mini’s fan 2 sm breed en midi’s fan 5 sm breed. De jongsten begjinne mei platte ûntwerpen, mar sille al gau de hichte yn bouwe en 3D-kreaasjes meitsje. Te keap yn boartersguodwinkels.

17


De beurs voor alle mama’s, papa’s, opa’s en oma’s n en voor ie d er ee il wor d en d ie er ee nt je w

Dit moaie mantsje is ús blikfanger op de billboards foar de HEIT & MEM-beurs. Syn namme is Finn en hy is twa jier. Finn wennet mei syn heit en mem en broerke Mees yn Ljouwert. Hy is ûndernimmend en altyd yn aksje. ‘In grappich, leaf mantsje en in lekkere kletskous’, neffens syn heit en mem.

beurs 18

25 – 27 oktober 2013 yn WTC Expo Leeuwarden


es st a l l n y f t’! m.nl nije ‘even êd e m n .heite te oer dat jes op it m , w w ls g jts Op w te wo e lêste ni albelibbin t i w t wats aasje en d ringen, ta le gesin, ie m tb Ynfor elyks gru e foar it h alle, ad ko yg fan b rskip, mo opfang, s tyle. ge er, , lifes s n swan ing, fer fi e s, sûn arg ferso , fakânsje ys hobb

‘Kinst gewoan rûnsjen, boartsje, fleane en drave, shoppe, dy ynformearje litte oer allerhanne ûnderwerpen, produkten útprobearje … tefolle om op te neamen’, sa seit Carolien Hoekstra, projektkoördinator fan de Afûk. Anouk Kuperus fan it WTC Expo heakket dêroan ta: ‘De beurs richt zich met alles rondom het kind op aanstaande en kersverse ouders en gezinnen met peuters, kleuters en kinderen tot zelfs 12 jaar. En niet te vergeten op de kinderen zelf! De HEIT & MEM-beurs wordt voor jong en oud een feest.’ Wolst nóch mear lêze, sjoch ek noch eefkes op www.heitenmembeurs.nl

Tomke

Kornelia, is de HEIT & MEM-beurs al hast…?

No mar lekker koese Tomke. Kornelia? Ja Tomke…?

Hoefolle nachtsjes sliepe noch? Wêrfoar? No, foar de HEIT & MEM-beurs! Noch in hiéééle protte nachtsjes sliepe. Yn de hjerstfakânsje, dan is ’t safier. Kornelia, ik ha der sa’n sin oan om dêr mei alle berntsjes te boartsjen. Dan kinne we dûnsje, ferskes sjonge en spultsjes dwaan. En ik wol ek sa graach mei elkenien op de foto! Gean we dan ek kleurjen en nifeljen, Kornelia? Ja hear Tomke, der is ek fan alles foar pjutten te dwaan. Kleurplaten om te kleurjen, en ik ha heard dat der foar de bern in moaie bouplaat klearleit om in echt lyts Tomkehûske te meitsjen. O ja, Luuk Klazenga is der ek. Dat is ommers de tekener dy’t dy altyd sa moai tekenet en ynkleuret. Wa wit makket er foar dy wol in moaie tekening fan Romke!

Dat wurdt moai berntsjes! Geane jim ek mei nei de HEIT & MEM-beurs?

19


Nynke van der Zee

In meester foar de klasse In meester foar de klasse wurdt hieltyd seldsumer. Dat blykt út ûndersyk fan it Algemien Underwiisbûn. Tusken 2007 en 2011 groeide it tal basisskoallen dat allinnich mar juffen yn tsjinst hat fan 562 nei 820. Ferline jier wie noch gjin 14 prosint fan de basisskoallearkrêften in man. Op basisskoalle It Twaspan yn Terkaple treffe de bern it. Dêr hawwe se mar leafst trije meesters. ‘In meester is folle leuker, juffen binne altyd sa serieus.’

20

Drok kwêkjend sitte Max, Alieke, Jippe en Aniek om ’e tafel. Alle fjouwer sitte se by meester Pyt yn de klasse. Dêrneist krije se les fan meester Jeldert, dy’t ûnderwiisassistint is, en ha se tiisdeitemiddeis muzyk fan meester Jelte, dy’t yn it lêste jier fan syn oplieding ta muzykdosint sit. De fjouwer treffe it mar mei safolle meesters. ‘No,’ seit Max wifeljend, ‘in meester is wol streng hear.’ ‘Mar hy makket wol folle mear grapkes’, fynt Alieke. Jippe is dúdlik: ‘Ik fyn juf Aafke leuker.’ De lêste stim is fan Aniek. ‘Ik wil wel véél meer meesters op school.’ De útslach is knap ferdield: de froulju kieze foar in meester. De jonges hâlde it by juf.

acht jier as ûnderwiisassistint, en doe’t ik ôfstudearre, siet der mar in hânfol jonges yn it lêste jier.’ Hjoed-de-dei is it slim, fertelt Jelte Rijpkema. Tafallich falt it by him yn ’e klasse noch in bytsje mei, mar dat komt omdat hy de muzykrjochting keazen hat. ‘Dat lûkt in soad jonges oan. Mar gewoanwei is de ferdieling ûngefear 1 op 8.’

Doe’t Pyt Hibma yn 1980 fan de Pabo De Him yn Snits kaam, wie de ferdieling fan meesters en juffen sawat heal om heal, stiet him noch by. By Jeldert Bakker wie dat al in hiel oar ferhaal. ‘Ik wurkje no

Moaiste berop fan de wrâld Demisjonêr steatssekretaris fan ûnderwiis Halbe Zijlstra hat de ôfrûne twa jier syn bêst dien om jonges waarm te meitsjen foar in berop yn it ûnderwiis.

‘Ik tink dat in soad manlju de ferantwurdlikens net oankinne.’

Nettsjinsteande de moaie kampanjes binne by de gymles op de Pabo’s de klaaihokken foar de manlju noch altyd ysbaarlik leech. Hoe kin soks? ‘It ûnderwiis komt neffens my te faak negatyf yn it nijs’, tinkt Pyt. ‘In soad problemen wurde ôfskood op it ûnderwiis. Dêrtroch liket it as ha wy allinnich mar drege ADHDbern yn ’e klasse. Wylst dat hielendal net sa is. Jonges op it middelber ûnderwiis dy’t noch twifelje, soenen ris by my yn ’e klasse meidraaie moatte om it ûnderwiis mei eigen eagen te besjen. It is earlik wier it moaiste berop fan de wrâld.’ Net allinnich it imago spilet in rol, tinkt Jelte. Neffens him hat it ek mei ferantwurdlikens en oerwicht te meitsjen. ‘Foar sa’n klasse mei 25 bern stean is net neat hear’, laket er. ‘Ik tink dat in soad manlju dat tefolle drokte fine en dy ferantwurdlikens net oankinne.’ Boppedat


binne de trochgroeimooglikheden yn it ûnderwiis beheind, follet Jeldert oan. ‘Ik ha freonen dy’t yn de ICT wurkje en de iene nei de oare promoasje krije. In auto fan de saak, in hegere funksje, in better lean. Wannear’tst foar de klasse stiest is dat útsluten. Hjir binne net folle kânsen om hegerop te kommen. Kinst dy op syn heechst spesjalisearje yn bygelyks it spesjaal ûnderwiis of as IB’er.’

‘Júst dy fariaasje tusken manlju en froulju makket it gesellich.’ Mingd team In auto fan de saak, promoasje meitsje. De trije meesters fan It Twaspan wurde der net kâld of waarm fan. ‘Ik gean eltse

dei mei wille nei myn wurk ta en it leafst gean ik op ’e fyts’, glimket Pyt. Ek Jeldert hat gjin momint oan syn kar foar it ûnderwiis twifele. ‘Foar my is in leuke baan wichtiger as in moai leanstrookje.’ Jelte stiet lykwols noch wat yn bestân oer oft er takom jier oan it wurk sil of dochs noch efkes trochstudearret yn de muzyk oan it konservatoarium. ‘Wurkje mei bern fyn ik prachtich, mar muzyk is echt myn libben.’ It dosinteteam sil Jelte hoe dan ek misse, fersekeret Pyt. ‘Júst dy fariaasje tusken manlju en froulju makket it hjir sa gesellich tusken de middei en nei skoaltiid.’ It Twaspan is mei trije meesters ien fan de gelokkigen ûnder de fyftjin skoallen dy’t oansluten binne by de stichting Kristlik Basisûnderwiis Meilân. Pyt: ‘Der is ien skoalle by dêr’t allinnich noch in manlike direkteur is en fierder

allegear froulju. Ik bin bliid dat wy hjir noch wat manlju ha. Mei in mingd team is de sfear toch altyd krekt wat oars.’

‘Mei in meester kinst goed stoeie op it plein.’ Motorcrosser Max, Jippe, Alieke en Aniek ha allegear harren favoryt. Benammen meester Jelte skoart hege sifers. ‘Ik vind hem cool’, glunderet Aniek. Ek Alieke is ûnder de yndruk fan de muzikale krullebol. ‘Hy kin echt hiel goed gitaar spylje.’ Jippe sjocht oare kwaliteiten fan de jonge meester: ‘Kinst goed mei him stoeie op it plein.’ Max, dy’t sels tafallich de achternamme Meester hat, wit seker dat er letter net foar de klasse stean wol. ‘Ik wol motorcrosser wurde. Folle moaier.’

21


De moaiste Fryske berneboeken fynst by de Afûk...

Printeboek fan it jier 2013 Wêr sit Joazefine?

Fjouwer dappere mûskes

Alexander Steffensmeier

Gerrit Terpstra & Eppie Dam

In bysûnder printeboek oer fjouwer mûskes út de fjouwer wynstreken dy’t op reis geane. Se wolle fierder sjen as it lân dêr’t se weikomme. De Stichting It Fryske Berneboek hat it boek útroppen ta Frysk Printeboek fan it jier 2013 (www.itfryskeberneboek.nl). Lûdeboekjes foar de lytskes: Stevige kartonboekjes foar pjutten mei lûden dy’t de platen ta libben bringe.

De natoer Druk op de knopkes en ûntdek de lûden út de natoer… Hoe klinkt bygelyks de see en watfoar lûd makket de kikkert?

Ynstruminten Witsto hoe’t in piano klinkt? Of in gitaar? Wat fynst it moaiste?

€ 12,95

Hoe moat Joazefine oait noch út ’e beam komme? Se hat it bêste weikrûpplakje útsocht, sa goed, dat net ien har fine kin. Mar no doart se net mear nei ûnderen… Humoristysk printeboek foar bern fan 3 jier ôf.

De kening fan juster Paul van Dijk

De wyn begjint te razen. Fûgels krieze. Hy komt der oan ... Yn alle rêst hat de Raveman wachte op syn kâns om kening fan it Lân fan Juster te wurden. No’t de âlde Kening Magnus it lân ferlitten hat, grypt er syn kâns. Der is noch ien probleem: Renske. Mar dy is net samar ferslein. De Kening fan Juster is in nij, spannend en magysk ferhaal fan Paul van Dijk oer jaloezy en freonskip foar bern fan 10 jier ôf.

...en boeken foar dysels, kreamkadootsjes en noch folle mear! Grutte Pier Ate Grypstra

In aventoerlik ferhaal oer it libben fan de bekende Fryske folksheld. Nea earder is syn ferhaal sa persoanlik brocht. Wy komme te witten hoe’t in boer út Kimswert him ta in baas legeroanfierder en floatfâd ûntwikkele. Hy waard de Skrik fan de Sudersee, de Stjoerman fan de Dea en it Krús fan de Hollanners. Hy waard nimmen oars as Grutte Pier. Neist dit boek wurket Triangle Studios oan de ûntwikkeling fan in fideogame mei de titel Cross of the Dutchman. De ûntwikkelings fan de game binne te folgjen op www.crossofthedutchman.com.

11-Stedenkoorts Fries voor schaatsenrijders

11 Stedenkoorts is in twatalich humoristysk taalgidske foar reedriders, mei tekeningen fan Geert Gratama (bekend fan Mijn vrouw is uitgenaaid).

Fryske boek- en taalwinkel, Bûterhoeke 3, Ljouwert, tel. 058-234 30 70 ek op sneon iepen fan 10.30 oant 17.00 oere of bestel online op www.afuk.nl


BERnEPRAATSJES Hat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei ynfo@heitenmem.nl.

Us Femke (3) wie mei har beppe en broerke in blokje om. Doe’t Femke wat te ticht by de auto lâns fytste, sei beppe ‘ Tink derom Femke, aanst in kras op de auto!’ Wêrop Femke seit: ‘Ja, dan is it in crossauto!’

Mirthe (2,5) lustert goed nei de TomTom yn mem har auto. As de vrouw seit "rechts afslaan", seit Mirthe: "Mem, dy frou mei net slaan!!!!"

Remco (2,5) fâlt en komt telâne op syn hantsjes. Hy komt skrokken oerein, bestudearret syn handsjes en seit ferromme ‘niks aan de handjes!’

Bram (7): ‘Ik wit wa't de earste minsk op de ierde wie...Sinteklaas! Want dy is hiel âld!’

Rutmer (5) sjocht dat der in ein op 'e kop yn 'e feart sit. ‘Hé, dat eintsje docht de handstand!’

Brecht (4) hat de sloppe lach: ‘Mem, ik ha lol yn myn kiel!’

"Mem dy baby yt in tepel!" seit Elize (2) at se in plaatsje besjocht mei in mem dy’t boarstfieding jout.

Rowan (3) wie stout west en moast dêrom fan mem op de trep sitte. Even letter seit mem tsjin Rowan: ‘Wat seist dan Rowan?’ Wêrop Rowan seit: ‘Dankjewol mem!’

23


Brecht Dijkstra is 24 jier en no 35 wiken yn ferwachting fan har earste berntsje, in dochter. Brecht hat s没nt fjouwer jier in relaasje mei Harald en se wenje, no noch tegearre, yn Britsum.

24


‘Ik fiel my fantastysk’

Brecht: ‘Ik fiel my fantastysk, ik ha fan it begjin ôf oan net mislik west en ik ha ek gjin lêst fan swangerskipskwaaltsjes, dat ik kin der hielendal fan genietsje! Ik bin no twa wiken mei ferlof en as alles neffens de planning ferrint binne Harald en ik begjin febrewaris heit en mem fan in famke. Doe’t Harald en ik it deroer hienen dat wy graach bern ha woenen, wie ik derfan oertsjûge dat ik oan ’e ein ta net witte woe oft it in famke of in jonkje wêze soe, mar geandewei feroare dat. No ha ik mei de beide beppes gesellich te shoppen west foar famkesklean en ek by it ynrjochtsjen fan de babykeamer fûn ik it wol sa praktysk om te witten wat it wurde soe. Harald hat der, mei help fan pake, in prachtige keamer fan makke yn rôze en wite kleuren. Wy kamen út in hûs mei ien sliepkeamer en doe’t wy dit hûs kochten, hienen wy ek mear sliepkeamers, genôch romte dus foar in lyts minskje derby. Wy binne al ridlik gau opholden mei antykonsepsje, yn de ferûnderstelling dat it lichem dochs wer wat yn balâns komme moat. Mar it wie fuort rekke! Op de swangerskipstest stie dúdlik ‘zwanger’. Wy koenen it earst hast net leauwe, mar it wie dochs echt sa! Doe ha ik fuort ús mem belle. Ik wie doe seis wiken swanger

en ik hie soks fansels noch noait by de ein hân. Wat moatst dwaan, watfoar ynstânsjes moatst ynformearje, ensfh. De húsarts ferwiisde my troch nei de ferloskundige fan it Gezondheidscentrum yn Stiens. Mei acht wiken krych ik de earste echo. It wie noch mar as in pinda sa grut, mar it hertsje kloppe as in treintsje! Nei tolve wiken folge de twadde echo. Dat fûn ik de allermoaiste: dan krijst foar it earst in kompleet minskje fan fiif sentimeter yn byld mei alles derop en deroan! Dat is fuort ek de ienige kear, want dêrnei is it popke sa groeid dat it net mear yn ien kear op it byld past. By de tredde echo, dy fan tweintich wiken, die bliken dat de plasinta foar de útgong lei, foar de wissichheid is dêrom mei tritich wiken noch in fjirde echo pland. Gelokkich wie doe alles fansels  wer teplak draaid. Oer in wike folget de lêste echo foar de befalling fan ús dochter.

Wolst witte hoe’t de befalling gien is en hoe’t it berntsje der út sjocht? Gean nei www.heitenmem.nl foar it ferfolch! Bisto yn ferwachting en wolst ek meidwaan oan dizze rubryk? Mail in foto fan dysels mei in koart ferhaaltsje derby nei ynfo@heitenmem.nl

25


Nieuw van Isis ZwangerschAppAssistent

Jouw coach rondom de kraamtijd

 in de App Store

T 088 512 2000 • www.isiskraamzorg.nl

isis ADV 204 x 64_hait en mem_v120221_DEF.indd 1

op Android Market

21-02-12 14:24

Voedings- en gewichtscoach Corrie Nauta

Op een verantwoorde manier afvallen. Voor kinderen en volwassenen. Zeer voordelige tarieven. Consulten ook mogelijk op zaterdag of ’s avonds

Skier 2, 9271 HJ De Westereen, 0511-447812, 06-19152850

www.corrienauta.nl

Wolst swanger wurde? Doch mei oan it ûndersyk nei foliumsoer

Sjoch op www.foliumzuurextra.nl en meld dy oan!


BERnEBOEKEn

€ 13,95

Nog 100 nachtjes slapen

2+

MILJA PRAAGMAN, LEOPOLD B.V.

Wachten op je verjaardag duurt lang. Nog honderd nachtjes? Dan maakt Dorus zelf wel een feestje! En mama heeft gezegd dat ze lekker mag gaan knippen... Overal ziet Dorus mooie lapjes. Knip knip, stukje uit het tafelkleed. Knip knip in de jurk aan de waslijn. Knip knip knip door de hele stad...

€ 10,95

Fokalisa siket Joazefine Fokalisa Haisma is fi if jier en wennet mei har mem

Wiepie en heit Michael yn Ljouwert. Fokalisa praat mei

heit en mem meast Nederlânsk, mar mem Wiepie praat Frysk werom. Fokalisa fynt it hearlik om foarlêzen te

wurden. Sy siket tegearre mei heit of mem de boeken

út yn de bibleteek. ‘Meastentiids Nederlânske, want dat

De natoer

UTJOUWERIJ AFÛK

2+

Stevige kartonboekjes foar pjutten mei lûden dy’t de platen ta libben bringe. Druk op de knopkes en ûntdek de lûden út de natoer… Hoe klinkt bygelyks de see en watfoar lûd makket de kikkert? Ek ferskynd yn dizze rige is it boekje 'ynstruminten'.

oanbod is fierwei it grutst’, fertelt mem Wiepie, ‘mar sa

no en dan nimme wy ek in Frysken mei nei hûs.’ Foar it sliepen gean, op ’e râne fan ’t bêd, wurde de geheimen

fan it boek ûntraffele. Wat fûnen Fokalisa en har mem fan it printeboek ‘Wêr sit Joazefi ne?’? Mem Wiepie fertelt:

‘It boek sjocht der moai út; de yllustraasjes binne

kleurich en it ferhaal is o sa grappich. Op de siden is in

€ 12,95

Sprookjes voor kleine kinderen VELDBOEKET LEKTUUR UITGEVERIJ

5+

Deze mooie collectie van vijf bekende verhalen introduceert kinderen in de magische wereld van sprookjes. Open de pagina's en ontmoet Roodkapje, Goudlokje, de drie kleine biggetjes, de Kikkerprins en de twaalf dansende prinsessen.

soad te sjen. It binne eins sykplaten mei lytse grapkes deryn ferstoppe; hintsjes op ’e kop yn in fûgelhokje,

pykjes mei in piratemûtske op, ensfh. Soms wiene wy

stikjes ferhaal kwyt; wy moasten dan mei Fokalisa de

ûntbrekkende ynformaasje beprate troch de tekeningen goed te besjen. Ik tink ek dat de ein fan it ferhaal foar

grutten hilarysk, mar foar jonge bern miskien wat frjemd is. Earst wol elkenien de beam út en op ’e ein picknicke se wer mei syn allen yn ’e beam. Fokalisa reagearre ek wat ferheard op dy ôfrin.

Doe’t ik it boek mei Fokalisa lies, fernuvere ik my deroer

De kening fan juster PAUL VAN DIJK, AFÛK

€ 14,50

10+

De wyn begjint te razen. Fûgels krieze. Hy komt der oan ... Yn alle rêst hat de Raveman wachte op syn kâns om kening fan it Lân fan Juster te wurden. No't de âlde Kening Magnus it lân ferlitten hat, grypt er syn kâns. Der is noch ien probleem: Renske. As Renske op in dei op it hûs fan Pake past, stiet der in geheimsinnige man op 'e stoepe. Fan dat momint ôf sil neat mear itselde wêze... De Kening fan Juster is in nij, spannend ferhaal fan Paul van Dijk oer jaloezy en freonskip.

dat se slimme wurden lykas ‘baarch’, ‘weikrûpplakje’ en

‘skriuwark’ sa goed begrypte. Dy wurden brûke wy thús net. Mar doe’t ik har krekt op bêd brocht, sei se: ‘Mem, wat is eins in boerinne?’

€ 14,95

Grutte Pier

ATE GRYPSTRA, AFÛK

Wêr sit Joazefine? ALEXANDER STEFFENSMEIER

€ 12,95

12+

It ferhaal fan Grutte Pier: Krús fan de Hollanner spilet yn it Fryslân fan begjin 16e ieu. In aventoerlik ferhaal oer it libben fan de bekende Fryske folksheld. Nea earder is syn ferhaal sa persoanlik brocht. Wy komme te witten hoe’t in boer út Kimswert him ta in baas legeroanfierder en floatfâd ûntwikkele. Hy waard de Skrik fan de Sudersee, de Stjoerman fan de Dea en it Krús fan de Hollanners. Hy waard nimmen oars as Grutte Pier.

27


Marieke Vinckers

Paul van Dijk, skriuwer en tekener fan:

De Kening fan Juster

De jonge skriuwer Paul van Dijk (31) wit presys hoe’t er sfear meitsje moat, dat is fuort wol dúdlik op de earste side fan syn boek. As jonkje hie er dêr al gefoel foar: ‘Ik hie altyd presys yn ’e gaten wannear’t der wat mei ien oan ’e hân wie.’ Dy sfear makket it begjin fan dit boek sa sterk; as lêzer fielst de gefoelens fan dy twa famkes, as sitst njonken harren yn ’e keamer. De heit fan Renske is samar op in dei fuortrûn en no wennet se tsjin har sin yn gear mei in nij styfsuske, Wytske, en de heit fan Wytske. Dy heit hat se fuortendaliks mar betitele as ‘Menear Sukkel’. Wytske docht fergees har bêst om freondinnen te wurden, mar dat slagget har mar net. Underwilens lavearret mem tusken de beide famkes. Se wol Wytske it gefoel jaan dat se wolkom is en jout dêrmei ûnbedoeld har eigen dochter it gefoel dat it styfsuske better is. Koartsein:

28

jaloerskens, dêr draait it om. En net allinnich yn ’e wrâld fan dy famkes, mar ek yn in oare diminsje, dêr’t twa broers as bern fan elkoar skieden wurde.

‘Akseptearje dat de dingen somstiden oars rinne as ferwachte.’ De smycht Jaloerskens en freonskip; it binne tema’s dy’t, sûnder dat Paul him dat fan tefoaren as doel steld hie, as in reade tried troch it ferhaal rinne. ‘Gjin minske is allinnich mar goed of net goed. Minsken hawwe sa’n protte yn har en eltse karaktereigenskip hat sa syn oarsprong. Dat sjochst ek yn dit ferhaal.’ De broer fan

’e Kening is ‘de Raveman’. In aaklik figuer, dy’t mei raven prate kin en as bern al tsjoene koe. De minnens fan de broer fan ’e Kening hat ek in oarsaak. En op de ien of oare manier krijst geandewei as lêzer ek noch begryp foar syn situaasje. ‘Dêr tsjinoer stiet altyd it goede, en it boadskip dat minsken in kar hawwe tusken dy twa utersten.’ De pratende raven binne trouwens in symboal foar in eangst fan ’e skriuwer sels. Paul fertelt dat er in swerm fûgels nochal yntimidearjend fynt. ‘Raven binnen tsjustere bisten. Ik fyn alle fûgels eins gewoan ûnberekkenber.’ Nei de stilte dy’t dêrop folget, laket er en seit: ‘Ik wyt net hoe’t dat sa kommen is. Ik tink dat ik as bern pikt bin troch in hoanne of sa. Ik kin dy bisten gewoan net fertrouwe.’ Dy raven hawwe dêrom in bysûnder plak krigen yn it ferhaal. Mar, lykas faak


Fanôf haadstik ien wurdst gelyk it ferhaal yn sleept. It nije Fryske jeugdboek De Kening fan Juster hat spanning, en de skriuwer wit dat goed fêst te hâlden. It ferhaal fan Paul van Dijk fertelt oer it goede en it kweade. Paul konfrontearret syn lêzers fuortendaliks mei twa famkes dy’t oaninoar oerlevere binne neidat harren heit en mem in relaasje mei inoar krigen ha. Se wenje no byinoar yn ien hûs wylst se it beide leaver oars sjoen hienen. In werkenbere situaasje, dy’t eins hiel natuerlik oerrint yn in mearke dêr’t tsjoenders, raven en trollen it wurd hawwe.

by minsken, sit tusken dy swarte raven ien fûgel dy’t sa goed is as in do. Of, foar Paul dan, better sein: dy’t sa goed is as bôle. De skriuwer krijt it sadwaande hieltyd foarinoar om it goede tsjinoer it kweade del te setten. De trol dy’t in ‘spwaakgebwek’ hat, makket boppedat alles goed. It boek sil de lêzer, jong of âld, fêst oan it laitsjen krije. Elts karakter is werkenber; kinst se sa út dyn eigen libben helje en ien op ien oersette yn dit realistyske mearke. Pake Renske har pake spilet in wichtige rol yn it boek. Paul fertelt dat it miskien wol syn eigen pake is, dy’t ûnbewust syn bron fan ynspiraasje west hat. Doe’t er sels syn ferhaal wer weromlies, seach er dat de pake fan Renske wol in hiel soad like op syn eigen pake. Dat wie in steatlik man, in ferhaleferteller boppedat. ‘Ik fûn him

altyd wat mysterieus. Hy siet in protte mei de noas yn ’e boeken en dêrtroch hie er altyd wol wat te fertellen. It wie dêrom sa skande dat krekt hy dôf wurde moast oan ’e ein fan syn libben. Hy wie júst de man dy’t mei eltsenien yn petear gong. Doe koe dat net mear.’ Twa jier lyn is er stoarn, 92 jier wie er. ‘Ik tink dat pakes en beppes in wichtige rol spylje yn it libben fan harren pake- en beppesizzers. Foar my wie dat wol sa, yn elts gefal.’ ‘Is it net wat te spannend foar bern?’ frege Paul syn heit doe’t er it boek lêzen hie. ‘Ik haw al in soad leuke reaksjes hân fan bern dy’t it prachtich fûnen’, fertelt Paul. ‘Ik bin gewoan fan mysels útgien: wat soe ik as bern graach lêze wolle? Dat mei best wol wat spannend wêze.’ It boek is foar bern fan 10 jier en âlder. En dus ek foar folwoeksenen, want eltsenien werkent wol wat fan himsels (of fan ’e buorman)

yn ’e karakters dy’t Paul op papier ta libben brocht hat. Ferdwale yn ’e fantasije De skriuwer sels fynt De Kening fan Juster foaral in treastryk boek. ‘Wy libje yn in tiid wêryn’t wy bern it gefoel jouwe dat se alles sels yn ’e hân hawwe. En dat se wat fan it libben meitsje moatte. Dat se súksesfol wêze moatte en dat se dat allegear sels planne kinne. Hartstikke moai, fansels! Mar ik hear eins noait wat oer de dingen dy’t dy allegear oerkomme kinne ûnderweis. Unferwachte dingen dy’tst net yn ’e hân hast. De dea bygelyks. Of in skieding. Teloarstellings. Hoe gean wy dêrmei om? Ik fyn it wichtich om ek dát ferhaal te fertellen. Akseptearje dat de dingen somstiden oars rinne as ferwachte, dat is de treast. Der hoe dan ek it bêste fan meitsje. Wy libje no. Rjochtsje dy dêrom mar op it no en ferdwaal sa no en dan yn in fantasyryk ferhaal.’

29


an Juster f g n i n e De K N DIJK

Haadstik

fiif út

fan PAUL

BY PAke mArIUS It is seis oere jûns. Snie fertstoppet de hûzen hieltyd mear en bûten jammeret in kâlde wyn dy't sa fan 'e Noardpoal ôf komme koe. Renske sit by Pake Marius foar de iepen hurd. Pake Marius is de bêste pake dytsto dy mar betinke kinst. Hy hat kening west en syn hûs stiet grôtfol mei de meast wûnderlike dingen. Meastal fertelt Pake Marius ferhalen oer de aventoeren dy't hy belibbe hat, mar hjoed net. Hjoed is Renske oan it wurd. 'Ik wurd gek fan dat fanke!' seit se. Se hat der in kleur fan. 'As mem derby is, docht se hiel aardich. Mar as mem fuort is, dan is it in kring!' Pake Marius lústert mar heal, hy sjocht nei it fjoer. De flammen boartsje tikkerke meiinoar. 'Earjuster goaide se samar al it spul fan myn buro. Doe't ik efter har oanfleach, die se gau de doar fan har keammerke op slot.' Pake gnysket. Dy Wytske is in boef, tinkt er. 'Dat soe ik ek dwaan, leau ik', antwurdet Pake. 'Asto lilk bist, bist krekt in meunster.' De kroan op syn holle glinsteret mysterieus om't it ljocht fan it fjoer derop skynt. Pake hat him spesjaal foar Renske opsetten. 'Juster stie se wol in oere ûnder de dûs! Ik kaam hast te let op skoalle, omdat se my der net ynlitte woe!' giet Renske fierder. 'Oh, oh, oh', seit Pake. 'Fannemiddei hat se myn mobyltsje stellen. Stellen! Ik krij har noch wol', giet Renske fierder. 'Moarn pak ik har kaaien en slút ik har op yn har eigen keamer, ha!' Pake skodhollet. 'Har kraaien stelle, dêr sjitst neat mei op', seit er. 'Boppedat binne dy fûgels net te fertrouwen.' Renske snapt net wêr't Pake it oer hat. 'Kaaien Pake, net kraaien', antwurdet Renske. Pake fronselet syn wynbrauwen. 'No ja, jimme moatte net sa kliere', mompelet er. Even sakket de kroan skeef op syn holle. As Pake Marius him wer rjocht set, springt der samar in fonkelstien út. 'Oh, dat is no spitich', seit er. Hy pakt de fonkelstien fan 'e grûn en

30

besjocht him fan alle kanten. Pake en Renske harren eagen moetsje inoar. 'Mooglik hat de kroan syn nocht fan my, wylst ik noch net los fan him bin', mompelet Pake riedseleftich. 'Is dy kroan like âld as Pake?' freget Renske. Pake skoddet syn holle. 'Âlder', seit er. 'Op dizze stien hat ea noch in draak sitten.' Renske sjocht pake mei grutte eagen oan. It binne dizze opmerkings dy´t Renske nei in besite oan Pake noch faak troch de holle spoekje. Soe dat no echt wier wêze? Hoe âld soe er eins wêze, tinkt se. Mar Pake Marius hat altyd heimsinnich dien oer syn leeftiid. Sa no en dan liket er even op de jonge kening dy't er ea wie, mar syn wite burd en de tearen yn 't gesicht ferriede dat er al in man op jierren is. En oan in âlde man freegje hoe âld er is, heart fansels net. 'Nee, ferhipte spitich', mompelet Pake. Hy drukt de fonkelstien wer teplak. Bûten dwarrelje de snieflokken as dûzelige parasjutisten nei ûnderen. Snie makket alles moai, fynt Renske. As oeral snie op leit, liket it oft alle dingen foar even byelkoar hearre. Wienen heit en mem no noch mar byelkoar, tinkt se. Dan hie dy stomme Wytske der ek net west. Pake drukt himsels omheech út 'e stoel en rint mei syn stôk nei in koer mei blokken hout. Renske glimket. Pake rint krekt as syn soan, Renske har heit. Hy pakt er twa grutte blokken út 'e koer en smyt se yn de iepen hurd. De flammen spatte omheech en it hout knetteret as in rôle bobbeltsjeplestik. Mar der is noch eat wat leven makket. Pake sjocht om him hinne. 'Wat is dat foar lûd?' freget er. 'Dat is myn mage, Pake,' laket Renske. Se hat wol sin oan wat. 'Hat Pake wer fan dy hearlike beantsjes makke?' Ynienen lit Pake syn stôk falle. Hy sjocht Renske mei grutte eagen oan. 'Beantsjes . . . beantsjes?' stammeret er. 'Ja, beantsjes!' laket Renske. 'Mar . . . Dy ha ik hielendal fergetten!' seit Pake mei grutte eagen. Hy slacht de hân foar de mûle.

VA

'Ik ha it . . . fergetten,' seit er sêft. 'Sa slim is it dochs net, Pake', seit Renske om him gerêst te stellen. Pake giet yn 'e stoel sitten. Hy wriuwt him troch it burd. 'Juster koe ik myn skuon ek al net fine.' 'Ha', gniist Renske. 'Dat haw ik ek wolris, mar meastal lizze se ûnder it bêd!' 'Fan 'e moarn wie ik myn stôk kwyt', seit Pake noch sêfter. 'It wurdt hieltyd . . . slimmer. Aansen wit ik net iens mear wa't ik bin.' Renske begrypt net hielendal wêrom't Pake him dêr sa drok om makket. Dan fertelt Pake har wat him werklik dwers sit. 'Ik wol myn ferline net ferjitte, Renske. Dat is it iennige wat ik noch haw. . .' Dan ynienen fearret er op. 'Wat sille wy no belibje. Sit ik hjir wat te krimmenearjen. Ik soargje earst foar iten en dêrnei fertel ik dy in moai ferhaal. Ja, dat dogge wy', seit Pake beret. Renske glimket. Dit is de Pake Marius dy't se ken, ien dy't altyd yn oplossingen tinkt. 'Mar wêr wol Pake dat iten wei helje? It is ommers in hiel ein rinnen nei it doarp.' 'Dêr haw ik wat op betocht', seit Pake en hy knypeaget nei Renske. Hy pakt syn stôk fan 'e grûn en skaait nei de oare kant fan 'e keamer. It hûs fan Pake is sa grut, Renske hat de helte noch net iens sjoen. Ut it neat docht er in doar iepen. Wie dy doar dêr krekt ek al, tinkt Renske. 'Rinst mei?' freget Pake. Renske is tige benijd. Wat soe er betocht hawwe? Miskien hat Pake wol in betsjoende fleanmasine of miskien sit dy draak wol yn syn garage. Mei Pake witte jo it noait. Se sjit oerein en draaft nei him ta. Pake is der al yngien. 'Hjir stiet er. Wat hat er in moaie reade kleur', ropt er. Syn stim galmt wat nei. Renske bliuwt foar de doar stean. Se doart net nei binnen te gean. 'It is dochs net in meunster, Pake?' freget Renske. 'Of dy draak fan dy stien, want dan kom ik net, hear!' Pake lûkt syn wynbrauwen op. 'In draak? Wolnee. Hjir stiet myn 45-km autootsje!' ropt er werom.


HEIT En MEM BOEKEn It libben fan in oar JETSKE BILKER, BORNMEER

€ 25,00

It thúsbringen fan in heimsinnige liftster soarget foar in grutte feroaring yn it libben fan promovendus Johan Visser út Ljouwert. Hy stoppet mei syn proefskrift oer de njoggentjinde-ieuske Fryske dichter Boate Annes de Vries en begjint oan in biografy, dy’t in bestseller wurde moat, oer in noch springlibbene operasjongeres. Net elkenien is lokkich mei syn kar.

Het effect van voeding op de gezondheid van je kind Ut ’e boekekast fan Sandra Zijlstra Sandra en har freon Douwe Bierma ha tegearre in soan, Melle (10 moanne). Sandra wurket twa dagen yn ’e wike as dosint ferpleechkunde op de Hanzehogeschool yn Grins en studearret ûnderwilens foar har master Underwiiskunde. Tusken alle stúdzjeboeken troch hat sy Grutte Pier, Krús fan de Hollanner fan Ate Grijpstra lêzen. ‘Thús praten wy Frysk mar Fryske boeken ha ik noait lêzen. Doe’t ik it boek thúskrych tocht ik: dat kin noch wolris dreech wurde; mar it foel my ta hoe fluch oft it went om Frysk te lêzen. It helpt fansels ôfgryslik dat it in prachtich ferhaal is; it lêst as in trein. Sa no en dan kaam ik in wurd tsjin dat ik sels net alle dagen brûk mar it wie net dreech om te lêzen. It ferhaal spilet him ôf yn de kroech en is skreaun yn styl, mei ‘stoeremannepraat’. It fertelt de skiednis fan Grutte Pier út Kimswert. Elke Fries hat fansels fan de man heard, mar hoe’t it no krekt sit? Healwei it ferhaal oer de Saksen, de Hollanners, Boergondiërs en Hartoch Karel van Gelre ha ik op Google fierder socht. En ik wie eins ferrast dat it boek de ferhaalline fan de skiednis folget. Dat makke it foar my noch ynteressanter. It ferhaal wurdt ferteld troch Grutte Wierd oan de twa boerefeinten Hessel en Jelke, dy’t achterhelje wolle wêr’t Grutte Pier no úthinget. Op ’e ein docht bliken wêr’t har ferlet fan ynformaasje weikomt. Ik fûn it in moai boek, it pakt dy beet en lit dy net wer los, oant de lêste letter. It is humoristysk, spannend en sa no en dan knap heftich.’ Neist it boek ûntwikkelet Triangle Studios in kompjûtergame mei de titel ‘Cross of the Dutchman’. Yn de game krûpst yn de hûd fan Grutte Pier, dy’t fjochtet foar de frijheid fan syn folk.

Grutte Pier, Krús fan de Hollanner ATE GRIJPSTRA

€ 14,95

€ 19,95

KELLY DORFMAN, KOSMOS

Veel kinderen hebben een voedselintolerantie of allergie: voor de ouders is dan duidelijk dat die voeding vermeden moet worden. Maar bij veel ziektes, kwalen en gedragsproblemen wordt de link met voeding helemaal niet gelegd. Terwijl die er heel vaak is. Kelly Dorfman legt van al deze kwalen, van buikpijn tot eczeem, uit wat het verband met voedsel kan zijn, wat een alternatief is en helpt zo medicijngebruik te voorkomen.

Mama Stories

€ 15,00

INGKA VAN FULPEN, WWW.MAMASTORIES.NL

Iedere moeder denkt wel eens bij zichzelf als haar kind iets grappigs zegt of doet: dat moet ik onthouden en opschrijven! Dat kan nu heel eenvoudig in dit opschrijfboek, Mama Stories, want de leuke uitspraken en de eigengemaakte unieke woordjes zijn allemaal te mooi om te vergeten. In dit boek kan de moeder alle leuke woordjes opschrijven, de grappige oneliners noteren, korte anekdotes vertellen en ook bijhouden hoe ze zich voelde tijdens die jonge kinderjaren.

Flammen

€ 18,50

HILDA TALSMA, ELIKSER

Elske is drok dwaande mei de tariedings foar har houlik mei Ronny. Yn in opstiging freget se Betty om har tsjûge te wêzen en dêr spuit har famylje raar guod fan, sjoen Betty har reputaasje yn it doarp. Mar Betty hat in protte talinten en krijt dêrtroch suver mear oansjen. Fêstberet om Elske net teloar te stellen, seit se ta dat se har gedrage sil, mar se komt foar grutte útdagings te stean. .

Zindelijk maken is kinderspel

€ 12,95

DEBBY MENDELSOHN, FORTE UITGEVERS B.V.

Dit boek helpt ouders en verzorgers om kinderen te begeleiden bij het zindelijk worden. Stap voor stap en zonder stress kunnen kinderen in vrij korte tijd zindelijk worden, niet alleen overdag maar ook ’s nachts. Zodra een kind goed kan zitten, dus met één tot anderhalf jaar, kunnen ze ook al leren zindelijk te worden. Dat is niet alleen fijn voor de ouders, maar ook de kinderen zelf bevalt het uitstekend om geen luier meer te hoeven dragen.

31


Mem har appelsmots is it lekkerst en duorsum, lekker Oars Ite Je bewust worden van wat je eet, hoe doe je dat? Dat vroeg Liza (39 en moeder van drie kinderen van 9, 11 en 14 jaar) zich af toen haar jongste dochter wat te zwaar leek te worden. De eerste stap was nagaan wat haar dochter allemaal eet en drinkt op een dag. Samen keken ze bijvoorbeeld naar de hoeveelheid suiker in een pakje limonade. Diezelfde hoeveelheid suiker hebben ze afgewogen en in een koffiekop gedaan. Ze herhaalden dit voor al het drinken dat ze op een dag binnenkreeg. Toen kwamen ze erachter dat haar dochter van 9 ongemerkt bijna een senseokopje suiker per dag binnenkreeg. Oei! Daar schrok haar dochter zelf ook van. Nu krijgt ze een flesje gevuld met kraanwater mee naar school en mag ze na schooltijd een beker limonade. Als je je niet bewust bent van wat je eet en drinkt, krijg je ongemerkt van alles binnen wat misschien wel helemaal niet zo goed voor jou of je omgeving is. Er komt ook veel voedsel uit het buitenland. De landennamen Spanje, Egypte en Kenia kom je vaak tegen in de supermarkt, maar ook Nieuw-Zeeland als land van herkomst zie je vaak terug op de ‘groente- en fruitbordjes’. Al die buitenlandse groenten zijn met name vanwege het vervoer een behoorlijke belasting voor het milieu. De zelfgemaakte jam en appelmoes van fruit uit Liza’s tuin bevatten alleen maar goede dingen, weet Liza. Ook wordt daarmee een lange reis voorkomen. Net zoals de ‘appelsmots’ van haar beppe altijd de lekkerste van de wereld was, vinden Liza’s kinderen dit van hun moeders ‘appelsmots’. Met haar eigen fruit en met veel plezier maakt Liza de lekkerste eigen

32

producten en gerechten. Ze weet zelf wat ze erin stopt. Liza gebruikt ook geen bestrijdingsmiddelen in haar tuin. Ze doet dit omdat ze graag gezonde en lekkere dingen maakt en tegelijkertijd is het heel goed voor het milieu. Als er wat fruit over is, wordt het niet weggegooid maar deelt Liza de van het fruit gemaakte appelmoes en jam uit aan haar buren, die daarom graag jampotjes voor haar opsparen. De fruitbomen en -struiken in Liza’s tuin zijn niet alleen handig om van te eten, ze zijn ook nog eens mooi, de producten zijn gezond en dichtbij. Dat zijn vier voordelen in één, een mooi voorbeeld van Oars Ite! Gerben Bergstra, Friese Milieu Federatie

Oars Ite is een project van de Friese Milieu Federatie en wil samen met zoveel mogelijk Friezen aan de slag met duurzaam eten. Liza is zich door dit project bewust geworden van alle voordelen die een eigen moestuin biedt. Naast het leuke en gezonde aspect biedt een moestuin nog veel meer. Een mooie stimulans om door te gaan en om mee te doen aan het project. Oars Ite en duurzaam eten is dus helemaal niet ingewikkeld, maar juist gezond, praktisch, lekker en goed voor het milieu. Liza heeft op www.oarsite.nl haar eigen voedselvoetafdruk berekend, ze komt daarmee nu onder het Nederlandse gemiddelde uit. En op de website heeft ze meteen wat handige tips gelezen om nog bewuster met voedsel om te gaan.


e j r a e t k a r wy t s e k p a h e r e k k e l op Poffertsjes mei ierdbeien en slachrjemme In hearlik (waarm) hapke!

Fruitspyskes

Appelskiven mei foarmen

Sko stikjes fruit fan ferskillende kleuren om en om oan in prikker. Alle fariaasjes binne lekker!

Snij in appel yn skiven en prik it klokhús derút mei in deechfoarmke. Bestrui de skiven mei kaniel, dêr binne bern sljocht op!

Druven op in lange sateeprikker Griene en blauwe druvesssssslangen glibberje oer it blêd. wa doart?

Feestlike prikkers

Knip leuke figuerkes, of in foto fan it feestbeest, út en plak se op in prikker.

Sels appelsmot

Skyl de appels

Appe

s meitsje?

lhap

en helje de klok huzen derút. Sn en set se mei in ij de appels yn stikjes bytsje wetter op in sê ft fj oe r. Sa no en dan riere oant de ap eefkes pels smots wur den binne. Mei in lekker hapk in by ts je kaniel deroer e by de pankoe k, de ierappels, de yochert…, w by? Foar swietb êr net ekken: in leppel tsje huning dert rochhinne.

33


Kraamzorg Friesland

Kraamzorg van De Kraamvogel

Kinderopvang ontwikkelt Kinderopvang is veel meer dan alleen de mogelijkheid voor ouders om te werken. Kinderen die naar de opvang gaan ontwikkelen meer zelfvertrouwen en intelligentie. Dagelijks zijn in alle kinderopvangorganisaties dan ook professionals bezig met de beste manier om kinderen tot die ontwikkeling te laten komen. Kinderen krijgen de kans om ervaringen op te doen, met andere kinderen te spelen, te leren, ĂŠn vrienden te maken. Kinderopvang ontwikkelt.

Vertrouwd in Friesland Kindje op komst? Kraamzorg nodig? Kies dan voor De Kraamvogel!

SKIK: warmte, samen en met plezier

Wij zijn een betrouwbare en deskundige kraamzorgorganisatie

SKIK kinderopvang en peuterspeelzalen biedt kinderen van 0 tot 13 jaar een goede start door spelenderwijs hun ontwikkeling te stimuleren. De 90 medewerkers en 50 gastouders van SKIK doen er alles aan om uw kind een veilige, vertrouwde en uitdagende plek te bieden.

waarbij je kunt rekenen op persoonlijke aandacht en professionele zorg. Meld je nu aan voor een onvergetelijke kraamtijd!

Kijk voor meer informatie op www.skik.nu.

T 088 77 88 500 www.dekraamvogel.nl

aangesloten bij:

Schuimletters of - figuren

KDV Skik 100 x133.indd 1

24-01-13 14:59

kidswear

Geborduurd (baby-) textiel

Superzachte knuffels

www.creamira.nl Kadobonnen

Jens & Julia

Diverse kraammanden

en nog veel meer....

Onze merken: 3Pommes A@pie Babyface Blue Seven Blue System D-Rak Dirkje Seguro

Baby- en kinderkleding van maat 50 t/m 176

Peperstraat 10 Leeuwarden www.jensjulia.com


Elke

Tjalling de Vries (1959) is sinds 1991 algemeen kinderarts in het Medisch Centrum Leeuwarden. Hij is getrouwd en vader van drie kinderen: Fedde (1991), Marga (1995) en Anne (1998).

Elke – een meisje van 6 jaar oud – hangt slap over de schouder van haar moeder. Al vier dagen heeft ze koorts en eet ze niet. Ze drinkt mondjesmaat en spuugt. Er is geen diarree. Haar vader en moeder zijn niet ziek. De verpleegkundige meet haar temperatuur: 39.5 °C. Als ik haar onderzoek vind ik geen verklaring voor haar ziek zijn: de oren en keel zien er gezond uit, de longen klinken zoals het hoort. De testen voor hersenvliesontsteking vallen normaal uit. Moeder vraagt of er een blaasontsteking zou kunnen zijn. Zijzelf heeft daar vroeger wel eens last van gehad. Dat zou best kunnen. Als je aan de buitenkant niets vindt wat het ziekzijn en koorts kan verklaren bij een meisje van deze leeftijd, kan er best een blaasontsteking zijn. Aan de andere kant: Elke is zieker dan ik verwacht bij een blaasontsteking. Zou ze een nierbekkenontsteking hebben? Ik wil bloed en plas nakijken. Omdat ik misschien wel medicijnen moet geven breng ik een infuusnaald in, dan krijgt Elke maar één prik. De verpleegkundige helpt mij bij het prikken en de pedagogisch medewerkster helpt Elke zodat ze minder pijn voelt. Dat doet ze door haar af te leiden: ze leest voor, houdt haar hand vast en spreekt haar rustig toe. Zo lukt het prikken in één keer. Ik vul de buisjes en sluit het infuus aan. Elke plast in een speciaal potje en bloed en plas gaan naar het laboratorium. Even later komen de uitslagen: het lichaam van Elke is flink ziek en in de urine zitten bacteriën. Dat betekent dat er een nierbekkenontsteking is. Via het infuus krijgt ze antibiotica en ze moet in het ziekenhuis blijven. De volgende dag kijk ik bij haar. Ze zit rechtop en kijkt televisie en eet een paar hapjes. ‘Zo goed is ze de afgelopen week nog niet geweest’, zegt moeder, ‘het gaat de goede kant op.’ De dag erna zit Elke te spelen en eet. De koorts is weg. Dat betekent dat ze naar huis kan. Dat is een van de goede dingen van tegenwoordig. Toen ik begon als kinderarts bleven de kinderen met een nierbekkenontsteking 2 weken in het ziekenhuis en kregen de antibiotica in het infuus. Nu gaan ze, zodra ze niet meer spugen, naar huis en maken daar de kuur, met een drankje, af. Na een paar weken komt Elke op het spreekuur. Ze is weer helemaal de oude. Op de echo van haar nieren waren geen afwijkingen. De ziekte is blijkbaar ‘pech’ geweest. Ze heeft een tekening meegenomen en die is, zegt ze, voor alle mensen op de kinderafdeling die haar hebben geholpen. Elke heeft het goed gezien: kinderen beter maken is teamwork!

35


De gerdinen iepen, sssst!! de foarstelling begjint Buurman & Buurman Als de Buurmannen door hun mooie bank zakken is er niets aan de hand maar voor ze het weten zijn ze directeur van hun eigen meubelfabriek. Een slapstickmusical met liedjes van taalkunstenaar Ivo de Wijs.

3+

n ! fa TV

30 maart, Theater Sneek

van t m r ko e t a oord e w Th e ieks r G t he ron t a e h t el of . p nt ouws beteke h c s wat lgebouw e tone

Koekeloere

Moffel, Piertje en har freon Arie wolle alles witte fan de wrâld om har hinne. In foarstelling oer yn ’e steek litten wurde, gefaar mar ek oer oaren helpen, moed en ferlyfd wêze. 2 maart, Posthuis Theater, It Hearrenfean

Workshop Vet! Kindercabaret Wolsto dy mem ris goed neidwaan, of de meester of dyn freonen op skoalle? Yn de wurkwinkel Vet! Kindercabaret krijst ‘tips en trúks’ hoesto in grappige act makkest. Kom op, ast doarst! 13 maart, Stadsschouwburg De Harmonie,

4+

6+

Net i e leafd n stjêrt fa e n toan , útsein o iel. p it

Jane A Enge usten ls rom 1775 -1817 anschrijf ster

Ljouwert

circus..................goochelen..................jongleren..................revue..................cabaret..................toneel..................ballet............ 36


7+ Oorlogsgheimen naar Jaques Vriens It is 1943. It doarpke dêr’t Tuur wennet, is troch de Dútsers beset. Tuur fynt it wol spannend mar komt der ek achter dat de oarloch in protte geheimen kent. In muzykteaterfoarstelling dy’t antwurd jout op de fraach ‘wêrom’, oer geheimen, helden en eangsten.

It libb e toan n is in ie de ak l en wy b inne teurs . W

illiam Enge Shakes p ls dicht toneels eare c er 15 64-16 hrijver en 16

3 maaie, Schouwburg De Lawei, Drachten Kinderfilm: Achtste groepers huilen niet

rdt o w r foye ie e d In med op o k r mee eld dan e gesp neel. o het t

Een Nederlandse jeugdfilm over de stoere achtste-groeper Akkie, die het liefst wil voetballen maar dan plotseling ziek wordt. 6 maart, Teater De Koornbeurs, Franeker

er en Jans cabareti s n o F ds erlan Ned 1925

It ûntstean fan teater

Wat is it doel fan keunst of teater? Meastal docht keunst in berop op it minsklik gefoel foar estetyk, mar keunst kin ek shockearje. Kinst dy as taskôger eefkes meinimme litte nei in oare wrâld en it jout dy de mooglikheid om de dyn eigen wrâld út in oar perspektyf wei te besjen.

10+

De oarsprong fan teater giet werom nei de religy. It wie ien fan de earste keunstfoarmen dy’t minsken brûkten om goaden te ferbyldzjen, faak mei muzyk en dûns. Foar it grutte publyk fertolkten priesters en leauwigen sa it ferhaal fan begelyks berte, dea, help fan de goaden by de jacht of hongersneed as straf. Troch de âlde Griken waard it teater as in echte keunstfoarm brocht, de Romeinen namen dit oer mar lieten dizze útering fan keunst ek wer útgean as in nachtpitsje. Yn de betide Midsieuwen ûntstienen der wer nije foarmen fan teater. Ek earst wer yn de tsjerke, doe foar de tsjerkedoaren, en noch letter fier by de tsjerke wei.

ar en ja van p o l e a rten pod i t afg In he n op de en conce n e e vond wburgen rstelling o u scho toneelvo taal 1,36 n. e o 7.740 , die in t ers trokk s k t plaa n bezoe Feiten en e o j cijfers m il f.nl .cb :w w w Bro n

n s jij i r? a w vaak eate Hoe in het th m.nl e 2012 heitenm p Vul o ll in! o de p

...........opera..................operette..................musical..................pantomime............. 37


BSO SKIK Hedwig Terpstra

biedt folle mear as allinnich opfang

Skik is in oar wurd foar wille Yn de gong hingje kleurige jaskes, sjaals en mûtsen en der stiet in bak mei skeelers. Yn de romte dêrachter sit in ploechje bern te boartsjen. Ut in oare romte wei binne muzyk en opteine bernestimmen te hearren. In meiwurkster giet rûn mei in skaal mei stikjes fruit. In gesellige boel, dat is de earste yndruk dy’tst krijst ast de bûtenskoalske opfang fan SKIK op ’e Jouwer ynrinst. It giet derom dat de bern har hjir lekker fiele Lokaasjemanager Margreet Freije fertelt oer de BSO en wat SKIK sa bysûnder makket: ‘Bern kinne hjir alle wurkdagen terjochte, ek yn de skoalfakânsjes en dan sels de hiele dei. We ha trije groepen, twa fan 4- oant 8-jierrigen en ien fan bern fan 8 oant en mei 12 jier. Alden kinne har bern hjir moarns bringe en wy bringe se nei skoalle ta, meastal

38

rinnend, soms mei ús eigen SKIK-buske. Tusken de middei kinne de bern gebrûk meitsje fan de tuskenskoalske opfang. Nei skoaltiid wurde de bern troch ús ophelle út skoalle. Se krije hjir ranja of tee en in koek of in cracker. Se meie dan sels witte wat se dogge. We ha noflike banken dêr’t se lekker sitte kinne, of se lêze wat of boartsje bûten. Se kinne wat nifelje, mei boartersguod boartsje of spultsjes dwaan. Neat moat, it giet derom dat de bern har hjir lekker fiele. Sjochst by guon âldere bern wol dat se wat mear har eigen gong gean wolle. Wy stimulearje dat dan. As se leaver by in freontsje of freondintsje boartsje dan litte we har dêr frij yn. Se moatte it dan fansels wol even by ús melde en de âlden moatte dêr tastimming foar jûn ha. Freontsjes en freondintsjes kinne hjir ek komme en wat ek wol bart is dat de bern nei de oare groep ta gean om te boartsjen.


Dat fine wy ek prima, salang’t we mar witte wêr’t de bern krekt binne. De âldere bern ha yn de bernerie ynspraak oer ûnder oaren it boartersguod dat oanskaft wurdt en oer hokker regels oft der jilde op de groep. De âldsten ha ek de mooglikheid om de kompjûter te brûken, bygelyks om in spultsje te dwaan of om ynformaasje op te sykjen op ynternet foar in sprekbeurt. BSO hat in grutte mearwearde foar bern In BSO is folle mear as allinnich in berneopfang. It hat in grutte mearwearde foar bern om nei in BSO te gean, omdat se hjir mei oare bern omgean en stimulearre wurde om fan alles út te probearjen. Dêrtroch is BSO hiel goed foar de algemiene ûntwikkeling fan in bern. En de bern ha hjir in goed en fertroud plakje dêr’t se in soad omtinken krije fan ús pedagogyske meiwurkers. Alden kinne dêrtroch mei in gerêst hert oan ’t wurk of de stúdzje. Alden betelje foar de opfang nei draachkrêft en kinne berne-opfangtaslach krije, wêrtroch’t de nettokosten leger wurde. As je bygelyks € 20.000 smoarch yn it jier fertsjinje, dan betelje je mar € 0,85 foar in oere op de BSO. Fertsjinje je € 80.000, dan is dat € 2,85 yn ’e oere. Dat is net in protte jild as je betinke wat in bern dêr allegear foar krijt. Njonken de BSO kinne bern ek nei in gastâlder. Dat is faak geskikter foar minsken mei in wikseljend roaster, want de bern kinne dan ek jûns of yn de wykeinen opfongen wurde. We binne no oan it ûndersykjen oft we hjir op de BSO ek fleksibele opfang biede kinne. Alden

Henk (4) seit tsjin meiwurkster Marion: ‘Ik wol mei dy trouwe.’ ‘No, wat leaf’, seit Marion en freget him: ‘Wannear dan?’ ‘Moarn’, seit Henk. Fardau sit derneist en sjocht ferheard nei Marion en dan nei Henk. Dan seit se: ‘No, ik kom net op dat feestje hear. Dat liket my dochs in bytsje gek!’

Der binne nije teekopkes op de BSO. ‘Goh,’ seit Hessel, ‘der bestean ek Ingelske teekopkes en Ingelske tee en dat is fet seldsum, juh.’

soenen dan fan tefoaren in roaster by ús ynleverje kinne. Dêrtroch wurdt BSO ek oantreklik foar minsken dy’t bygelyks yn ’e soarch wurkje. Wy biede ferskate workshops dêr’t de bern oan meidwaan kinne Yn de fakânsjes ha we spesjale temawiken. Dat is alle kearen wer oars. Yn de simmerfakânsje ha we bygelyks in wetterwike, in natoerwike en in yndianewike hân, mei wigwammen bouwe, skatsykje, wetterfytse en glydzje fan sjippehellings. Mar wat bysûnder is oan de BSO fan SKIK: wy biede it hiele jier troch ferskate workshops dêr’t de bern oan meidwaan kinne. It giet dan bygelyks om bisten fersoargje, fotolistkes meitsje, muzykynstruminten meitsje, technyk, byldhouwe, teater en in nifelklup. Of se kinne har reinlearskes pimpe, oftewol moai meitsje mei glitters,

Tim en Amarens sykje tegearre in spultsje út. Amarens stiet op en del te springen. Tim freget oft se soms pisje moat. ‘Nee juh,’ seit Amarens, ‘ik stean gewoan te sporten, ja.’

blomkes en spesjale ferve. We wurkje gear mei bygelyks It Toanhûs om bern kennis meitsje te litten mei skilderjen en tekenjen, dûnsjen en swingen en om se ûntdekke te litten wat teater is. De workshops wurde in oantal kearen holden, op ferskate dagen en foar ferskate leeftiden. Foar elk bern is der wat leuks. Njonken de workshops organisearje we ek oare aktiviteiten. We meitsje bygelyks in útstapke nei it timmerdoarp hjir op ’e Jouwer, dêr’t de bern in hutte bouwe kinne, of we gean lekker te picknicken by it Nannewiid of nei bernebuorkerij De Naturij yn Drachten. We gean ek wolris te reedriden yn Thialf of te sporten yn de sporthal. Sa kinne de bern fan alles dwaan, njonken lekker boartsje. Minsken freegje wolris wêr’t de namme SKIK wei komt. SKIK is in oar wurd foar wille en we hoopje dat de bern dat hjir in protte ha.’

39


bern & winter

Der binne wer hiele kâlde foto’s ynstjoerd! Understeande foto’s ha in plakje fertsjinne yn dizze ‘Heit & Mem’. De folgjende fotowedstriid is ‘De earste kear’. Upload gau dyn foto op www.heitenmem.nl!

1 2

4 3

6

7

8

5

9 12

14

11

10

13 Foto 1 Foto 2 Foto 3 Foto 4 Foto 5

40

Liv Una Feenstra Arwin Hessel Kampen Wess de Vries Hidde van der Meer Jorn & Noud Kooijker

Foto 6 Doutzen Hylkema Foto 7 Rina Hoekstra Foto 8 Dennis Bergh Foto 9 Silke Hoekstra Foto 10 Jeldau Rozema

Foto 11 Foto 12 Foto 13 Foto 14

Dione & Irsa Borger Anne-Marije Paulusma Mark de Jong Jildou Bloemhof


Der wêze ‘Wat is de rol fan dy, as heit?’ Dy fraach stelde de redaksje fan Heit en Mem, en oft ik dêr in kollum oer skriuwe woe. Mei dy fraach kinne jo in soad kanten út. Hokker heit wolle je wêze? Hokker heit kinne je wêze? In heit dy’t ien dei yn ’e wike in pappa-dag organisearre hat by de baas? Ik krij dêr altyd in raar gefoel by. Krekt as moat de skuld fan de oare dagen ynhelle wurde. Je ha ek heiten dy’t folslein foar de karriêre gean, en allinnich yn it wykein tiid foar de bern frijmeitsje. As it treft krije se jûns noch in aai oer de bol, as se al lizze te sliepen. Mem, of de vooren naschoolse opfang moat der mar mei rêde. Dat is in kar, mar net dy fan my. Miskien moat it hjoedde-dei soms wol sa om de sinteraasje rûn te krijen, mar je misse wol in soad. Se binne mar sa koart lyts, foardat je it witte fleane se nei de grutte skoalle en wurde it al lytse grutte minsken. Myn eigen heit wie altyd thús, omdat er dêr syn wurk hie. Mar hy wie net drok dwaande om syn stimpel op de opfieding te drukken. As der wat wie, hienen wy as bern oan in heal wurd wol genôch om te witten wat er bedoelde. Mar hy wie der wol. Syn grutste fokale bydrage sil ik nea ferjitte. ‘Besykje gjin dingen te dwaan dêr’tst letter spyt fan krijst.’ Dy ha ’k altyd ûntholden. It is net sa maklik, om boppesteande fraach te beäntwurdzjen. As heit binne jo yn alles debutant. De wiisheid dy’t je garre ha omdat je in oantal jierren âlder binne as de bern, is mar relatyf. Eins binne je sa ûnwis as de pest, mar dat besykje jo foar de bern net sjen te litten. Jo binne de man dy’t tegearre mei mem de wiisheid yn pacht hat, no moai net dus. It is skipperjen, wylst je hoopje dat je it der wat knap fan ôfbringe sille. Foar my is oerlis mei de frou, en ek mei de bern, wichtich. Gjin rol as boeman dy’t it wol efkes sizze sil. As myn konklúzje oars is, dat besykje út te lizzen. Mislearret faak genôch hear, as debutant yn it heitefak. Neffens my is der mar ien rol dy’t je as heit goed spylje kinne. Dêr hoege jo gjin opfiedkursus foar te folgjen. En wat is dy rol dan? Der wêze. Mei as sûnder wurden. Foar in skop ûnder it gat of in skouder om triennen op te fangen. Neat mear en neat minder. Der wêze.

Ferdinand de Jong is 43 jier lyn berne yn Oranjewâld, is troud, hat twa dochters (13 en 10) en wennet yn Boarnburgum. Hy is ZZP'er en skreau oant no ta trije romans. Foar It dak fan de wrâld krige er yn 2012 de Rink van der Veldepriis.

41 41


mindful kids Marrit de Schiffart

‘Asto op dat stuoltsje sitst, jildt: je doet wat je wilt, maar niet wat je mag’, seit Marije entûsjast en se wiist nei in stuoltsje yn ’e hoeke fan ’e romte. ‘En ast de praatstien beethast, meist wat fertelle. Mar it alderleukst fyn ik Koppie Koppie. Dat is in geheugenspultsje.’ Folgje jim it noch? Marije docht oan mindfulness foar bern.

Freedtemiddei, healwei fiven. Wout (8), Ilse (7), Jollien(9) en Marije (6) lizze op in matsje yn de trainingsseal fan mindfulnesstrainster Annie Schilstra yn Easterein. ‘We doen nu net of we een meer zijn’, begjint Annie it ferhaaltsje dat by de oefening heart. ‘Drijf maar op de aarde, net als een meer.’ De bern lústerje; eagen ticht, kessen ûnder de holle, tekkentsje oer har hinne. ‘Soms is het meer wat wilder en zijn er golven. Maar als je je hoofd onder water doet, merk je daar bijna niets van. Daar, in alle rust, zwemmen vissen en groeien waterplanten. Hoe hoog de golven ook zijn, onder water is het nog steeds stil, heel stil.’ Annie sjocht efkes om har hinne en giet dan fierder mei de meditaasje-oefening. ‘Door de golven komt er modder los van de bodem. Die

42

modder maakt het water troebel. Als je wilt dat de modder weg gaat, moet je heel stil blijven liggen.’ Sa drok as de seis bern in pear minuten lyn noch wiene, sa stil lizze se no op harren matsje. Ien kear yn ’e wike komme se mei har âlders nei Easterein foar de mindfulnesstraining Zelfbewust Kind. De acht trainingen duorje in oere en it programma bestiet út allerhande boartlike oefeningen. Dêrneist binne de bern ek thús mei de mindfulness-oefeningen fan Annie dwaande. ‘De training leart bern om better om te gean mei emoasjes lykas fertriet en lilkens’, leit Annie út. ‘Alders miene altyd dat harren bern neat oerkomme mei. Se beskermje se safolle mooglik foar aaklike dingen. Begryplik, mar de bern hawwe der neat oan. Letter moatte se ommers ek omgean mei

‘De training leart bern om better om te gean mei emoasjes lykas fertriet en lilkens.’ tsjinslaggen? Dêrom is it better om se no al te learen hoe’t se dêr it bêste op reagearje kinne. Mindfulness helpt bern om sterk te wurden fan binnenút en lestige situaasjes mei freonlike oandacht te liif te gean.’ Annie kaam fiif jier lyn yn oanrekking mei mindfulness. De metoade spruts har gelyk oan en se begûn al gau mei de oplieding Mindful Trainer en letter ek Mindful Teaching. Undertusken is se sertifisearre trainer foar alle leeftiden.


Boeddhistyske oarsprong Mindfulness, oftewol oandachtslear, komt fan oarsprong út it boeddhisme, en wurdt sa stadichoan ek in begryp yn ús westerske maatskippij. De Amerikaan Jon Kabat-Zinn, heechlearaar oan de universiteit fan Massachusetts, helle mindfulness foar it earst út syn boeddhistyske kontekst en ûntwikkele in acht wiken duorjende training. Zelfbewust Kind is basearre op de training fan Kabat-Zinn. Meditaasje en mindfulness rjochtet him hieltyd faker op bern. Annie: ‘Bern bliuwe fan natuere ticht by harsels. Harren gedrach is noch net beynfloede troch de maatskippij, se reagearje hiel puer. By folwoeksenen bestiet mindfulness foar in part út it werkennen fan ynslûpte negative patroanen. Unsekerheid, jaloerskens en

‘Ik vind Marije mooi zoals ze nu is en zou het heel jammer vinden als ze deze eigenheid verliest.’ erchtinkendheid binne foarbylden fan sokke patroanen. Se ûntsteane omdat wy net goed nei ús liif lústerje, mar hieltyd yn ús holle sitte, prakkesearje en oardielje. Bern hawwe de balâns tusken liif en geast noch wol. By harren is it dus de keunst om se ûnderfine te litten dat se op harsels oankinne. Ik lear se dat se fertrouwe kinne op har gefoel. Selsbewuste bern hawwe ommers genôch selsbetrouwen om harren te hanthavenjen yn de

maatskippij. En om op in kreative wize om te gean mei swierrichheden.’ Neffens Annie is it wichtich om âlders te belûken by de training. Bern spegelje harren oan ’e âlders. Troch meielkoar te oefenjen krijt it gesin ek de romte om iepen nei harsels te sjen. Boppedat is it de bedoeling dat âlders de bern helpe om dat wat se leard hawwe ek ta te passen yn it daagliks libben. Mindfulness fynt stadichoan ek syn wei yn it ûnderwiis. Der binne basis- en middelbere skoallen dy’t it oanbiede. Wittenskiplike ûndersiken wize út dat mindfulness positive effekten hat op bern. In ûndersyk fan de universiteit fan Amsterdam liet sjen dat bern nei de training minder bang wiene en better sliepten. Se koene ek better mei emoasjes omgean en fûnen it libben begrypliker

43


44


De twee wolven in jezelf – rode draad in de training Op een avond zitten een oude wijze indiaan en zijn kleinzoon aan het kampvuur. De kleinzoon kijkt zorgelijk. ‘Wat is er aan de hand?’ vraagt de wijze indiaan. Kleinzoon: ‘Ik vind het zo raar. De ene keer ben ik blij en vrolijk en de andere keer boos of verdrietig. Ik snap niet hoe dit komt.' De wijze indiaan antwoordt dat het tijd is dat zijn kleinzoon leert over de interne strijd die plaatsvindt in mensen. Hij zegt: ‘We hebben allemaal twee wolven in ons die met elkaar strijden. De ene is een zwarte wolf. Deze is boos, jaloers, arrogant, op zichzelf gericht en geeft kritiek op anderen. Hij heeft een enorm ego maar is in zijn kern onzeker en angstig. De andere is een witte wolf. Deze is goed, bewaakt de vrede, geeft om anderen, is liefdevol en respecteert anderen. Hij is vriendelijk en is in zijn kern zelfverzekerd en vol vertrouwen.’

De kleinzoon denkt na over wat zijn opa hem net vertelde en vraagt: ‘Welke wolf wint de strijd?’ De oude indiaan antwoordt: ‘Diegene die je iedere dag voedt!’ Opnieuw ziet de wijze indiaan dat zijn kleinzoon zorgelijk kijkt. ‘Wat is er?’ vraagt hij. Dan zegt de kleinzoon: ‘Ik ken mijn wolven helemaal niet en weet dus ook niet hoe ik ze moet voeden.’ ‘Dat is ook niet eenvoudig’, zegt zijn opa. ‘Gelukkig is het wel goed te leren. De training heet Zelfbewust en is jouw weg naar wijsheid. Het mooie is dat je gelijk kunt beginnen. Wil je het leren?’ Natuurlijk wil de kleinzoon dat heel graag. ‘Wat heb ik nodig om het te leren?’ ‘Het belangrijkste is aandacht. Je traint je aandacht’, zegt de indiaan. De kleinzoon vindt het een beetje vreemd, maar wil zijn wolven wel graag leren kennen. ‘Zullen we dan maar gelijk beginnen?’ vraagt de oude wijze indiaan.

‘As de bern it lûd fan de gong net mear hearre, stekke se harren fingers yn ’e loft.’

Ze staat stil bij gebeurtenissen en vraagt zich af wat ze daar nou eigenlijk van vindt.’ Lisanne giet mei Marije nei mindfulness omdat se wol dat har dochter ticht by harsels bliuwt. ‘Ik vind Marije mooi zoals ze nu is en zou het heel jammer vinden als ze deze eigenheid verliest. Zodra kinderen naar school gaan, leren ze onze patronen. Er wordt ze ingeprent wat wel en niet mag en er wordt gekeken naar prestaties. Daardoor luisteren we niet meer naar ons innerlijk. Het contact met jezelf wordt je ontnomen, omdat je doet wat anderen zeggen en verwachten. Ik wil dat Marije weet dat ze prima is zoals ze nu is. Dat leert ze tijdens deze training.’

de training fan hjoed ôf mei it lûd fan in gong, dat stadichoan weistjert yn de romte. As de bern it lûd net mear hearre, stekke se harren finger omheech. Sadree’t fan alle bern fingers yn ’e loft sweve, is de training ôfrûn. Spitich, fersuchtet Ilse: ‘Ik lig zo lekker, ik wil niet meer opstaan.’

Wout, Ilse, Marije en Jollien lizze noch hieltyd op harren matsje. Annie slút

Sjoch op: www.mic-mensincommunicatie.nl

en makliker. Learkrêften joegen dêrneist noch oan dat it klimaat yn de klasse ferbettere wie nei de training. Eigenheid behâlde Lisanne Stenekes út Wommels is der hûndert prosint wis fan dat har dochter baat hat by de training fan Annie. Marije (6) hat krekt har fjirde training achter de rêch en neffens Lisanne is se no al feroare. ‘Ze reageert minder impulsief, maar denkt juist na over wat ze doet.

Mear witte oer de training Zelfbewust Kind?

45


Ciska Noordmans is redakteur fan Heit en Mem. Se is troud en is mem fan twa moaie bern, Maite (12) en Netithon (8).

Foar Heit & Mem rint de spanning op omdat wy dwaande binne mei de allerearste Heit & Membeurs. Standhâlders binne noege, plannen wurde makke, de hallen fan it WTC Expo hawwe we mei eigen eagen besjoen. Hielendal leech wienen se en yndrukwekkend grut sûnder de gebrûklike kreammen of, yn it ferline, de kij fan de feemerk. Mar ein oktober sjogge dy hallen der hiel oars út, want fan 25-27 oktober wurdt de allerearste Heit & Mem-beurs lansearre, mei in grut ferskaat fan fan alles dêr’t jim gewoanlik ek oer lêze kinne yn it tydskrift Heit & Mem of op ús webside. Kinst dêr komme foar de aardichheid, lekker relaxed, lykasto dy no ûnderút sakje litst mei de nije Heit & Mem. Mar kinst dêr ek dyn ljocht opstekke en ynformaasje of advizen ynwinne, of nije ideeën opdwaan. Of kinst dy gewoan fermeitsje, yn it selskip fan dyn man (of frou), de bern, pake en beppe miskien, mei teater, shows, testpanels en kekke boartershoekjes.

Ciska Noordmans

Reagearje op dizze kollum en/of foto’s sjen fan baby Maaike? Sjoch op Heitenmem.nl!

Valentijn Presys op Falentynsdei sjocht dizze earste edysje yn 2013 fan Heit & Mem it ljocht. It wurdt in spannend jier foar Heit & Mem, mar heart soks ek net by romantyk? Is it net ferskuorrend spannend om fereale/ferlyfd/ferleafd te wêzen en foar it earst mei dyn grutte flam op stap te gean? En, hiel belangryk, eindiget de date folslein ferpletterjend, stuiterjend fan de adrenaline of ...?

BABY

En thús? Tutesto op 14 febrewaris dyn prins wekker mei waarme croissants yn ’e iene hân en in flesse sjampanje yn ’e oare? Ik ek net. Dochs bin ik op dy datum wol de ienige thús dy’t oan Cupido tinkt. Ik ferras bern en man mei leave wurden op persoanlike kaartsjes en strui mei sûkerhartsjes as wienen it snieflokjes , mar sy binne fan dizze spesjale datum net ûnder de yndruk. Se reagearje wat ferstuivere en binne it óf ferjitten, óf fine it kommersjele flauwekul. ‘Want leafde lit him dochs net yn ien dei stopje’, seit myn leafste. En gelyk hat er, dochs?

Willewike 2013 27 april o/m 1 maaie

MARKT

De voordeligste babyzaak van Friesland!

educatief speelgoed

Van knuffels tot babykamers... Br. De Wittestraat1a BLAUWHUIS 0515-579526 – 06-20158671

WWW.BABYSNUFFELMARKT.NL

46

Tel. 0518 - 82 02 02 info@prinskikker.nl www.prinskikker.nl

NIJE FREONEN | MAAIEFAKÂNSJE | EKSKURZJES | SÛNDER HEIT EN MEM | FRYSK | SKYLGE | FOLKSHEGESKOALLE | TAAL | STRÂN | BOSK | SPULTSJES Mear ynformaasje en opjaan: www.willewike.nl


Namme: Silvia Schoute (53)

Beppe har pop

Wenplak: Drachten Hobbys: Sjonge by it popkoar On Cue en fotografy Relaasje: 33 jier troud mei Siem Nammen pakesizzers: Edin (8 moanne)

Yn polonêze in rûntsje om ’e tafel ‘Edin is myn earste beppesizzer en ek de earste poppe yn ’e famylje. Eins fielt it as is Edin in bytsje fan ús allegearre. Wy binne hiel wiis mei him. Edin is de soan fan skoandochter Lotte en soan Ferko. Doe’t Edin syn oerpake 80 jier waard, gongen wy nei ôfrin mei de hiele famylje nei ús hús ta om eefkes nei te praten. Ferko en Lotte hienen ús foar eagen holden dat se in kadootsje foar ús hienen, meinommen fan har reis nei Tailân. Doe’t wy der hielendal klear foar sieten, kamen de Jip en Janneke-bubbels op tafel en hearden wy dat moaie nijs. Mei syn allen hawwe wy doe yn polonêze in rûntsje om ’e tafel makke! Wat in feest! Myn reaksje wie foaral ‘wat moai foar Ferko en Lotte’ mar ik moast tagelyk wenne oan it idee dat ik dan beppe wurde soe. Sa bisto net mear allinne mem, mar krijst ek in nije rol tabedield. Hoe fielt it? freegje minsken dan. Dêr koe ik noait in goed antwurd op jaan mar ik fyn it in hiele yntinse erfaring om beppe te wêzen. As wy oppasse, gean ik graach eefkes mei Edin yn de bernewein te rinnen. En dan mar hoopje dat ik op myn ‘pronkrûntsje’ bekenden tsjinkom! No ha ik sels foto’s fan him yn ’e beurs, dat hie ik noch net iens by ús eigen bern. Edin is dan ek in prachtich mantsje. Hy is nijsgjirrich en hiel leaf. Alle nije dingen observearret er earst en hy giet der hoeden mei om. It wurdt fêst gjin roudauwer, mear in lytse tinker, ferwachtsje ik. Wy binne altyd benijd nei de folgjende kear dat wy Edin sjogge.’ Bisto pake of beppe en wolsto ek meidwaan oan dizze rubryk? Stjoer dan in foto fan dysels mei dyn pake- of beppesizzer nei: ynfo@heitenmem.nl.

47


Voordelig kennismaken met de Friesland Post Post? Neem dan nu een proefabonnement op de Friesland Post en ontvang 3 edities voor slechts € 10,-! Friesland Post is hét magazine vol boeiende reportages, foto’s, verhalen over het heerlijke (buiten)leven in het heitelân en interessante artikelen over bijzondere Friezen.

Het abonnement stopt automatisch na 3 edities.

JA

s 3 editie hts c voor sle

€10,-

Ik wil graag voordelig kennismaken met de Friesland Post en ontvang 3 edities voor slechts € 10,Ik betaal via

incasso / € 10,-

accept-giro / € 12,-

Uw gegevens Naam

Adres

Postcode

Plaats

E-mail

Telefoon

Ik machtig Friesland Post om éénmalig het verschuldigde bedrag af te schrijven van (Post)bankrekeningnummer:

Stuur deze bon op naar (postzegel niet nodig) Friesland Post, Antwoordnummer 1646, 8440 WB Heerenveen Insturen via internet kan ook:

www.frieslandpost.nl/heitenmem

FRIESLAND POST_adv_204x270 mm_fc_halfjaarabonn_heitenmem_jan2013_afl.indd 1

22-01-13 14:58

Heit & Mem nr. 1 - 2013  

Twatalich tydskrift foar jonge âlden yn Fryslân

Read more
Read more
Similar to
Popular now
Just for you