Lytse heit&mem nr. 6 2019/2020

Page 59

Ut ’e búk

Op 3 jannewaris 2019 binne Renske en har man Oane heit en mem wurden fan dochter Anouska Anahera.

ʻ Ik sjoch al út nei de tiid dat se wat grutter is en wy mear ynteraksje ha sille.ʼ ‘Ik bin ien wike nei de útrekkene datum befallen yn it sikehûs fan Auckland yn Nij-Seelân. De befalling fûn ik hiel dreech en it gie net hielendal fansels, mar úteinlik is it allegear goed kommen. Ik fiel my fit en bin hiel bliid dat de búk no ‘fuort’ is. It memmegefoel groeit alle dagen en ik sjoch al út nei de tiid dat se wat grutter is en wy mear ynteraksje ha sille. Anouska is in noflike baby, echt in skatsje. Se drinkt en sliept in protte en wie fan de berte ôf al hiel alert. Oan ’e ein fan ’e middei hat se faak in pear oeren dat se wat mear gûlt en har net sa maklik deljaan kin. Yn har gesicht liket se op my. We hawwe nei de berte twa dagen yn it sikehûs west en ien dei yn in kreamklinyk. Sa dogge se dat hjir yn 56

57

Nij-Seelân. Dêr wie in protte begelieding fan kreamfersoarchsters, dy’t in soad oandacht hiene foar de boarstfieding en myn herstel. De boarstfieding kaam goed op gong en om’t dêr dei en nacht help wie as it eefkes net woe, hiene we it beide gau troch. Ik ha de kreamhelp net mist doe’t wy nei trije dagen nei hús ta giene. Myn man en ik fine Anouska in hiele moaie namme. Wy woene graach in namme dy’t maklik út te sprekken is (ek foar net-Friezen) en dy’t tagelyk net al te gongber is. Mei har twadde namme, Anahera, is se ferneamd nei beppe Angela fan memmekant, mar dan yn de Maoritaal, omdat se yn Nij-Seelân berne is. Omdat it hjir no simmer is, kinne we al gau ris eefkes nei bûten sûnder dat it foar de baby te kâld wurdt. Dat is hiel fijn. Doe’t Anouska njoggen dagen âld wie, hat se al yn ’e draachsek mei nei it strân oan ’e Pasifyske Oseaan west.’


Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.