Lytse heit&mem nr. 6 2019/2020

Page 1

de lytse

NR.6 2019/2020

De rinkelbel | De rammelaar

De poppe | De baby

De sobber / styk/ it sûgerke | De speen

It rinstek | Het loophek De widze | De wieg

De earrebarre | De ooievaar

It ruft | De luier

De twilling / twaling | De tweeling

De bernewein | De kinderwagen

Yn ferwachting / swier wêze | In verwachting / zwanger zijn

It famyljebêd Hoe draag ik mijn baby op de juiste manier? Fit de kreamtiid út M EI FRY S K E S L IEP FER S K E S, RY M K E S, P O P P EB O EK J E S, A P P S EN N O C H F O L L E M E A R!


Ik lit dy sliepe op myn skouder, en sjong in ferske, spesjaal foar dy. Want ik wit, myn lytse poppe, dizze tiid giet hurd foarby. Dieuwke van der Meer

It nije suske

‘Tomke,’ ropt Romke, ‘der stiet wat yn ’e tún. In hiele grutte poppewein!’ ’Dat is net in poppewein, Romke,’ laket Tomke. ‘Dat is in bernewein, dêr leit Wilma yn. Myn lytse suske.’ ‘Sille wy eefkes by har sjen?’ seit Romke. ‘Goed,’ seit Tomke. Tomke kipet oer de râne. ‘Hoi Wilma.’ Romke giet op de achterpoatsjes stean. Mar hy kin Wilma net sjen. De bernewein is te heech. ‘Wolst my eefkes optille, Tomke?’ freget Romke. Tomke hâldt Romke boppe de bernewein. ‘Wat is se lyts,’ seit Romke. ‘Se hat de eagen nocht ticht.’ ‘Se leit te sliepen,’ seit Tomke. ‘No set ik dy wer op de grûn, hear Romke.’ ‘Nee,’ blaft Romke lûd, ‘ik wol noch langer sjen.’ Lytse Wilma wurdt wekker. Se docht de eagen iepen. ‘Se sjocht nei my,’ ropt Romke bliid. ‘Hoi Wilma!’ ‘Ik kin dy hast net mear hâlde,’ seit Tomke. ‘Se swaait mei de hantsjes, se wol my aaie,’ seit Romke. ‘Ik set dy del, hear,’ stint Tomke. ‘Toe Tomke, noch eefkes,’ seurt Romke. Romke docht de kop tichter nei Wilma ta. Wilma laket en grypt mei de hantsjes. Se pakt Romke by it ear beet. Se skuort der hiel fûl oan. ‘Hee Wilma, foarsichtich!’ ropt Romke. Mar Wilma lit net los. ‘Au,’ ropt Romke, ‘myn ear! Tomke, doch wat. Se lûkt myn ear derôf!’ Mar Tomke kin Romke net langer hâlde. Syn earms dogge sa sear. Romke falt op de grûn. It ear glidet út Wilma har hantsjes. ‘Au,’ gûlt Romke, ‘myn ear! Sit myn ear der noch oan, Tomke?’ ‘Ja,’ seit Tomke. Lytse Wilma begjint te gûlen. ‘Se wol dy wer in aaike jaan, Romke,’ laket Tomke. ‘Leaver net,’ seit Romke. ‘Dy Wilma is my te sterk.’

Skriuwer: Riemkje Pitstra Yllustraasje: Luuk Klazenga

Ik hâld dy in bytsje langer fêst, ik krûp dy noch wat stiver oan. Ik lês dy noch ien ferhaaltsje foar, en ik hâld dy noch eefkes by de hân.


Lokwinske, jim binne krekt heit&mem wurden!

Alles feroaret. Sa ek de ideeën oer hoe in bern grut te bringen. Us heit en mem ha noch foto’s yn it fotoboek mei dêrop de kreamfersoarchster dy’t oan it smoken is wylst se de poppe fêsthâldt. Tsjintwurdich wurdt der hieltyd faker frege nei ‘natuerlike kreamsoarch’, sa ast op side 4 lêze kinst. Ek myn soan hie de earste wiken in wollen strikmûtske op. Ik moast de kreamfersoarchster noch wol even fertelle hoe’t it mûtske krekt fêststrikt wurde moast. Eartiids sliepten bern faak by de âlders of broerkes en suskes yn itselde bêd. Doe kaam der in tiid dat elk in eigen keammerke hie en no sjochst it famyljebêd sa stadichoan wer yn de húshâldingen weromkommen. Ek yn de medyske wrâld feroaret der fan alles. Us beppes en memmen moasten mar ôfwachtsje oft der in sûn berntsje komme soe. Tsjintwurdich kinne der al mear foarspellingen dien wurde troch de komst fan de NIPT-test. Mar net elkenien wol dêr wat fan witte, sa ast op side 46 lêze kinst. Fierderop yn dizze lytse útjefte fan heit&mem kinst ek noch lêze oer moaie poppekeamers, apps foar lytskes, babyboeken en oer hoe’t ek de nammen feroarje troch de tiid hinne. Alles feroaret. Mar ien ding sil wierskynlik nea feroarje. En dat is dyn leafde foar dyn bern. Genietsje derfan! In protte lêswille tawinske! De redaksje fan heit&mem

P.S. Wolst noch mear lêze? Heit&mem is ek te finen op heitenmem.nl en te folgjen fia:

1


ynhâld ‘de lytse’

NR.6

12

Taalkado Us Lytse heit&mem wurdt fergees ferspraat fia it Taalkado. It Taalkado is it kadootsje fan de provinsje Fryslân foar jonge âlden by de oanjefte fan in berte, en hat ta doel om harren te ynformearjen oer de foardielen fan it opgroeien yn in meartalige situaasje, en om it brûken fan de Fryske taal yn it bysûnder, te stimulearjen. Der wurdt wurke neffens in redaksjestatút dat boarch stiet foar de ûnôfhinklikheid fan de redaksje. De Lytse heit&mem past yn de rige fan heit&mem dat mei trije útjeften yn 2019 ferskynt, de Lytse heit&mem is hjir ien fan. It is in meartalich tydskrift en spesifyk rjochte op âlders mei jonge bern (0-2 jier) yn Fryslân.

52

Kolofon

Haadredakteur:

Dieuwke van der Meer

Redaksje:

Ciska Noordmans Hieke Rienstra

Skriuwers:

Arjanne Nijp Carolien ter Schuur Hilda Schram Idske Bangma

Klasina van der Werf Marieke Vinckers Nynke van der Zee Sytske de Boer Thea van der Schaaf Tjalling de Vries

Yllustrators:

Marlous van Groenestein Mirjam van Houten

Fotografy:

Het Hoge Noorden www.hogenoorden.nl Hippe kiek fotografie by Sjoeke www.hippekiek.nl

Foarmjouwer:

BW H ontwerpers www.bwhontwerpers.nl tel.: 058 - 213 35 43

Korreksje:

Printurk:

Senefelder Misset www.senefelder.nl info@senefelder.nl tel.: 0314 - 35 55 00

Ytsje Steen-Buwalda

ISSN: 1878-4437

Redaksje-adres/ útjouwer:

Heit en Mem kinst ek folgje fia:

Afûk Postbus 53 8900 AB Ljouwert www.afuk.nl e-mail: ynfo@afuk.nl / ynfo@heitenmem.nl tel.: 058 - 234 30 70

Utjûn mei stipe fan de


Cover Op de cover stiet Benjamin Punter út it Hearrenfean. Op de foto is er sa’n 7 moanne en leit er lekker by heit Hendrik oer de foet.

46 54 42 01 Fan de redaksje 02 Kolofon 04 Natuerlike kreamsoarch 07 Fryske opsisferskes 08 Kreamkadootsjes op syn Frysk 10 Fit de kreamtiid út 12 De babykeamer fan Yfke Sophie 18 Sa prate wy thús 19 Foarnammen 20 8 tips foar in poppeslokparty! 22 Hoe draag ik mijn baby op de juiste manier? 26 Byinoar sliepe yn it famyljebêd 29 Ferske 30 Apps foar de lytskes! 32 Poppeboeken top 10

2

3

34 De kribels fan ekseem 37 Bernepraatsjes 38 Elk kontakt hat mei taal te krijen 41 Kollum Dieuwke van der Meer 42 De tuskentaalfaze, ûndersyk fan it heit&mem-panel 46 De NIPT-test: welke keus maak jij? 50 Alwer in Fries! 52 Ferneamd! 54 Boekstart maakt baby’s slimmer 56 Yn ’e búk, út ’e búk 58 Babygebaren 60 Te lêzen op heitenmem.nl 62 Talige ontwikkeling! 64 Kollum Tjalling de Vries


Skriuwer: Arjanne Nijp Foto: Hoge Noorden


Natuerlike kreamsoarch: mei leafde en waarmte ‘It binne lytse middeltsjes, hiel ienfâldich, lykas in wollen mûtske of kamille-oalje. Dat kin safolle rêst bringe. Ik fyn dat hielendal net geitewollensokkerich, want ik sjoch alle kearen wer dat it gewoan wurket.’ Oan it wurd is Renée van der Heide-Canrinus, selsstannich kreamheinster út Drachten. Sy wie in skoftlang de iennige kreamheinster yn Fryslân dy’t sertifisearre “Natuurlijke Kraamzorg” oanbiede koe, as oanfolling op de gewoane kreamsoarch. Natuerlike kreamsoarch is soarch foar poppe en kreamfrou mei natuerlike middels en materialen, en basearre op de ideeën fan Rudolf Steiner, de grûnlizzer fan de antroposofy. Renée hat in grutte doaze mei allegear foarbylden fan dy natuerlike middels en materialen. Der sit bygelyks in wollen matsje yn, dat op it matraske yn de widze of bernewein lizze kin. ‘Wol helpt by it regulearjen fan de temperatuer fan in poppe’, fertelt se. ‘As in berntsje te waarm of te kâld is, dan wurdt it ûnrêstich. Ik ha wolris in poppe hân, dy koe de temperatuer mar net fêsthâlde. Ik ha him op in wolletje lein en in wolsiden strikmûtske opdien, en dat skeelde wol in heale graad.’

‘ Soarch mei natuerlike middels.’ Dan lit de kreamheinster in fleske kamille-oalje en wat lapen sjen. ‘Kamille remmet ûntstekkingen en bringt rêst. Soms hat in kreamfrou bot lêst fan neiweeën. Dan kin ik in búkwikkel foar har meitsje. Ik doch wat kamille-oalje op in doekje, dat meitsje ik lekker waarm mei in krúk. Dan 4

5

lis ik it doekje op har ûnderbúk, ik doch der in stikje wol oerhinne en dan in grutte lape om har búk hinne. Sa’n wikkel helpt ek by in poppe mei krampkes.’ Waarmte en omhulling binne hiel belangryk yn de natuerlike kreamsoarch. ‘In poppe hat 9 moannen ûnder it hert fan de mem sitten, lekker skommeljend yn it waarme wetter. As er dan op de wrâld komt, fynt er it fijn om de waarmte fan dyn hûd te fielen, of de begrinzing fan in lekker strak ynstoppe lekkentsje, of ynwikkele te wurden yn in wollen tekkentsje.’ In antroposofysk strikmûtske fan wolside op ’e holle en oer de earen jout ek sa’n gefoel fan begrinzing. Boppedat lit it de foarholle frij, dêr’t de ‘termostaat’ fan de poppe sit. ‘En wat ek hiel handich is: sa’n mûtske kin net oer de eagen sakje’, laket Renée. Emma Jasperse en har man Jaap Kuipers út Niebert fregen Renée as kreamheinster nei de berte fan harren twadde soan Timon, spesjaal om’t sy natuerlike kreamsoarch leverje kin. ‘Dat past bij onze levensstijl. Wij zijn veel buiten, dragen vaak een wollen trui, we eten zo weinig mogelijk voorverpakt voedsel. We gaan heel bewust met de natuur en het milieu om.’ Benammen it soargjen foar rêst yn de kreamperioade, en it brûken fan kamille en wol foar it bern, hat harren goed foldien. ‘En Renée heeft mij geleerd over biological nursing’, fertelt Emma. ‘Bij borstvoeding geven denk je eigenlijk altijd aan de madonna-houding of de rugbyhouding, maar als je een beetje achterover leunt en de baby op je borst legt gaat hij zelf wel


zoeken. Dat maakte mij zelf veel ontspannener en relaxter, dus ik vond het heel fijn om zo ook te kunnen voeden.’ Ek Aly Loes Vellema krige soarch fan Renée, nei de berte fan har famke Jildau. ‘De natuerlike kreamsoarch slút hielendal oan by hoe’t ik dingen sjoch en dwaan wol’, leit Aly Loes út. Se hat benammen in soad hân oan de útlis oer produkten lykas kamille, en oer waarmteregulearring. Mar ek doe’t se nei de befalling noch in skoftke yn it sikehûs bliuwe moasten, hat se stipe hân fan Renée. ‘Yn it sikehûs is it allegear wat klinysker. Bygelyks mei de drinkbeurten, dat dogge se dêr folle mear op ’e regel. Ik woe dat graach oars, en dan hie ik kontakt mei Renée oer wat ik dan it bêste dwaan koe.’

‘ Ik bin in nuchtere Fries, dus ik wie wat skeptysk.’ Fiif jier lyn, doe’t de oplieding Natuurlijke Kraamzorg úteinsette, hat Renée har fuort ynskreaun. ‘Minsken binne hieltyd bewuster dwaande mei hoe’t se de bern grutbringe. Ik krige ek hieltyd faker fragen, oer waskbere ruften bygelyks, of oer ynintsjen. En ik wol my oanpasse kinne op wat it gesin wol.’ Doe’t se krekt begûn wie mei de oplieding, twifele se wol efkes. ‘It hat in antroposofyske grûnslach, en sa bin ik hielendal net grutbrocht. En ik bin wol in nuchtere Fries, dus ik wie wat skeptysk. Mar de basiskennis oer de natuerlike middels krige ik sa wol mei.’ Wat fierderop yn de oplieding waard se ek hieltyd entûsjaster. ‘Learst dêr echt goed nei it bern te sjen, it te observearjen. En ik wurkje mear op myn yntuysje. Der binne in hiel soad regels en rjochtlinen yn de geboartesoarch, we moatte in hiel soad opskriuwe en byhâlde.’ Mar soms wol in kreamfrou bygelyks net twa kear deis temperatuerd wurde. Dan praat Renée mei se ôf: we dogge it net, mar asto dy net goed fielst, dan joust dat oan. En de kreamheinster sjocht it sels ek altyd wol at de kreamfrou net lekker is. ‘Healweis de oplieding tocht ik: eins wurkje

ik al sa. Dit wurk moatst mei dyn hert en gefoel dwaan, want oars prikke se der sa trochhinne.’ Undertusken hawwe yn Fryslân al sa’n tsien kreamfersoarchsters it sertifikaat foar natuerlike kreamsoarch helle. Renée is dêr wiis mei. ‘Der is hieltyd mear fraach nei, ek hjir yn Fryslân. Ik ha mear oanfragen as dat ik oankin. Mar ik fyn it belangryk dat ik foar elkenien tagonklik bin, dus ik kom ek by gesinnen dy’t gewoan pampers brûke of gjin boarstfieding jaan wolle.’ Dochs hat se wol it idee dat har kennis fan de natuerlike kreamsoarch har ek by ‘gewoane’ kreamsoarch helpt. ‘Ik hear hiel faak dat ik sa’n soad rêst útstrielje.’

‘ Eins fyn ik alles bêst, salang’t it mar feilich, en mei leafde en waarmte is.’ ‘Ik bin yn sa’n spesjale perioade yn it libben by de minsken thús. It is belangryk dat ik der bin, mar eins ek net. Dêrom is it wichtich datst as âlders by dysels bliuwst.’ Wolle âlders bygelyks graach dat de poppe by harren yn bêd sliept, dan fertelt Renée hoe’t se dat feilich dwaan kinne. ‘In mem dy’t gjin alkohol, drugs of medisinen brûkt en net deawurch is, giet net samar op har poppe lizzen. In dekbêd kin wol gefaarlik wêze, dat kinst yn dyn sliep ûnbewust oer dy hinne lûke, en in poppe kin dêr dan net sels ûnderút komme.’ Dus it berntsje moat sa heech mooglik oan it hollenein lizze, of yn in co-sleeper. Renée: ‘Eins fyn ik alles bêst, salang’t it mar feilich, en mei leafde en waarmte is.’

Foar mear ynformaasje: www.kraammetzorg.nl natuurlijkekraamzorg.eu/#friesland


Fryske opsisferskes

De opsisferskes komme út it boekje ‘Tomke syn earste hapkes’.

Tegearre boartsje mei opsisferskes is ek foar de lytsten hiel goed. Ritme, rym, melody en yntonaasje foarmje de basis fan taal. En it fergruttet de wurdskat. Hjir in oantal leuke opsisferskes om foar, ûnder en nei it iten te dwaan.

Spatte Hantsjes op ’e tafel, Hantsjes yn ’e brij.

Slûpe… Slûpe… slûpe… slûpe Dit mûske wol yn… …… syn/har nekke krûpe!

Pets Pets Pets No sit it ek op dij!

Dit is pake Dit is pake, koart en dik dit is beppe, dy breidet rikketik Dit is heit, dy is lang fan lea. Dit is mem, dy smart ús deistich brea. Dit is Jantsje, ús lytse mantsje. En de hiele famylje is …… syn (har) hantsje. [alle fingers, fan tomme oant en mei pink, bydel]

Tingeling Tingeling, tingelingeling [om bar oan beide earkes lûke] Doarke iepen, doarke ticht [eachjes binne de doarkes] Trep ôfrinne [noas fan boppen nei ûnderen] Fuotfeie [ûnder noas finger hinne en wer] Deryn! [finger yn ’e mûle] 6

7

Op bêd Lampke oan Lampke út Lekker sliepe Dikke tút!


Kreamkadootsjes op syn Frysk Lytse pop In lytse poppe regelet syn lichemstemperatuer troch waarmte ôf te jaan fia it holtsje. De poppe kin dêrtroch ek tefolle lichemswaarmte ferlieze, dêrom is it ferstannich om lytse poppen altyd in mûtske op te setten. Mûtske Lytse Pop € 5,95

Koeser Koesen giet it lekkerst mei in hearlik sêfte Koeserknyn! Yn de kleuren rôs, blau, wyt en griis te krijen. € 9,50

Set ’m op heit! It falt foar heiten net altyd ta om dy lytse earmkes en fuotsjes troch de júste gatten yn de klean te krijen. Mei dit romperke wurdt dat wat makliker. Set ’m op heit! Do kinst it! € 9,95


Poppeboek Yn dit Witst wol hoe mâl ik mei dy bin? – poppeboek kinst allegear oantinkens kwyt oan de earste jierren fan dyn poppe. Mei romte foar dyn eigen foto’s, notysjes, gedachten en emoasjes en spesjale sluven foar bygelyks it bertekaartsje en in hierlokje. In prachtich oantinken foar letter. € 14,95

Stip In prachtich nij Stipboek foar de alderlytsten, dat yn de foarm fan Stip makke is! Leuk om mei te boartsjen én leuk as dekoraasje op ’e bernekeamer. Foar € 8,99 te krijen yn de boekhannel.

Lytse fliber Dizze bandana’s steane net allinnich hiel leuk, se binne ek nochris hiel praktysk by trochkommende toskjes en smoarge toeten. De slab is mei 2 drukknoopkes yn trije stannen te ferstellen. Geskikt fan de berte ôf oant sa’n 2 jier. € 6,95

Suze nane poppe Heit&mem hat moaie berneposters te keap mei Fryske teksten, ferskes en gedichtsjes. De posters, op A4–formaat, binne foar € 2,50 te bestellen. Besjoch se allegear fia websjop.afuk.nl/souvenirs/fryske-posters

Boppesteande produkten binne allegear te bestellen fia www.websjop.afuk.frl of te heljen by de Fryske boek- en kadowinkel fan de Afûk yn Ljouwert (skean tsjin oer de Aldehou). 8

9


Hieke Rienstra

Fit

de kreamtiid út

Ast dit lêst, moatst der wierskynlik noch hielendal net oan tinke om te sporten. Do hast fansels krekt in prestaasje op wrâldnivo levere. Dyn lichem hat noch nea sa field as no en miskien twifelest der sels oan oftst oait dyn normale ‘fitte’ liif wer weromkrijst. Dochs is it oan te rieden om nei de befalling wer gau yn beweging te kommen. In soad jonge memmen ûnderfine nammentlik dat it herstel nei de befalling better ferrint troch te sporten. Dêrom hjir wat tips oer wat wol en net oan te rieden is by sporten nei de befalling (okee, litte wy it ‘bewegen’ neamme).


1 Start net te gau De earste wiken neidat dyn poppe berne is, moat dyn liif herstelle. Boppedat hast dan al genôch oan ’e holle om dy drok te meitsjen oer dingen lykas sporten. De earste wike nei de befalling kinst it bêste yn en om dyn bêd bliuwe. Dêrnei kinst rêstich dyn deistige aktiviteiten opbouwe. Mei sporten moatst echt noch eefkes wachtsje.

2 Gean lekker nei bûten! Kuierjen kinst al ridlik gau nei de befalling wer dwaan. Besykje nei de earste wike(n) alle dagen eefkes in stikje te kuierjen yn ’e frisse bûtenloft. Dat hoecht net lang en kin moai mei de poppe yn ’e bernewein. Hielendal gesellich is it ast dat mei in freondinne of dyn partner dochst.

3 Begjin by de basis Ek oefeningen foar de bekkenboaiem en búkspieren kinst al frij flot nei de befalling oppakke. Echte oefeningen kinst dat eins noch net neamme, it giet der mear om datst dyn spieren bewust fielst en dêr wer rêstich de kontrôle oer nimst. Besykje dyn bekkenboaiemspieren oan te spannen yn ferskillende hâldingen: lizzend, sittend en steand. Lûk de spieren oan yn etappes, oantst net fierder kinst. Lit se dan ek yn etappes wer los, krekt as in lift. Doch dat 10 kear en nim tuskentroch rêst, de ûntspanning is like belangryk as de ynspanning. Span dêrnei in pear kear dyn búkspieren oan troch dyn nâle yn te lûken. Dêrtroch makkest dyn búkspieren stadichoan wer wat sterker. Besykje om dy oefeningen yn te bouwen yn dyn deistige libben; kinst se bygelyks dwaan ast dyn poppe oan it fieden bist of ferskjinnest.

4 Doch it rêstich oan Sa’n seis wiken nei de befalling (acht wiken by in keizersneed) kinst it ‘echte’ sporten wer stadich opbouwe. Lis dêrfoar earst eefkes oer mei dyn gynekolooch of ferloskundige. De earste tolve wiken is it net ferstannich om sporten mei in hege yntinsiteit te dwaan, bygelyks hurdrinnen of sporten dêr’tst by springe moatst. Ast dêr te gau mei begjinst, hast mear kâns op 10

11

bekkenklachten en urineferlies. Ek de kâns op blessueres is grutter, om’t dyn bannen en pezen noch in oantal moannen wat weaker bliuwe. Wês foarsichtich mei ûnferwachte en flugge bewegingen en start altyd mei in goede warmingup. Ek mei it trainen fan de rjochte búkspieren moatst oppasse, yn dyn swangerskip binne dy spieren flink útrutsen, om plak te meitsjen foar de poppe. Nei de befalling duorret it sa’n seis wiken oant de rjochte búkspieren wer oanelkoar groeid binne, mar it kin ek langer duorje. Ast twifelest, lit dat dan eefkes kontrolearje by in spesjalisearre fysioterapeut.

5 Sporte mei oare memmen Swimmen, rinnen, yoga of fytsen binne ideale sporten om te dwaan nei in befalling. Dêrmei is de kâns op blessueres it lytst en je kinne dat hast oeral wol dwaan. Ek binne der op hieltyd mear plakken spesjale bûtendoartrainingen foar (oansteande) memmen. Under begelieding fan in professional wurde alle spiergroepen oansprutsen, wêrby’t benammen oandacht is foar hâlding, bekkenboaiemspieren en búkspieren. Sa bist goed dwaande mei dyn liif, én kinst gesellich oer dyn berntsje kletse mei oare memmen.

6 Soargje goed foar dysels Mem wurde set dyn hiele libben op ’e kop. Net allinne moatsto sels lichaamlik herstelle, de poppe freget ek in soad enerzjy, de nachten binne faak ûnrêstich, do en dyn partner moatte beide wenne oan jim rol as heit en mem, en dêrneist binne der ek noch gewoan it húshâlden en alle oare praktyske saken. De measte memmen wolle neidat se in poppe krigen ha it leafst ‘gewoan’ wer alles op deselde manier dwaan as foar de befalling. Mar dat kin net. Besykje dat te akseptearjen en wês leaf foar dysels. Lústerje nei dyn liif, ferwachtsje net tefolle. Hoe better ast foar dysels soargest, hoe flotter at it herstel wêze sil en hoe mear asto genietsje kinst fan dyn poppe. Nim genôch tiid foar dysels, yt regelmjittich en sûn, gean op ’e tiid op bêd en wurkje oan in aktyf herstel fan dyn lichem. Sa bousto dyn kondysje stadichoan wol wer op!


Skriuwer: Dieuwke van der Meer Foto: Hippe Kiek Fotografie

De babykeamer fan Yfke Sophie


12

13



Esther en Martin wenje mei Yfke Sophie (10 moanne) yn Dokkum, yn in hûs út begjin 1900. It keammerke fan Yfke is hiel lyts, dat it wie in útdaging foar Esther om dêr wat fan te meitsjen. It is in Skandinavyske keamer wurden, mei de kleuren âldrôs, wyt en swart. Esther: ‘Ik bin sels net sa fan it rôs, mar doe’t wy hearden dat it in famke wie, ha wy dochs de lambrisearring âldrôs ferve. De swarte stippen op ’e muorre binne stikkers. De flier is in orizjinele houten flier. De stoel hat fan myn ‘oma’ west. Jûns as ik Yfke op bêd bring, dan sitte wy dêr altyd eefkes yn. It rôze wolkje is in nachtlampke, dat dogge wy dan oan. Dan jou ik har de flesse en dêrnei lêze wy altyd eefkes in boekje. Op de boekeplankjes ha wy alderhande boekjes stean. Stip en Tomke fynt se prachtich. Ek it lytse stuoltsje dêr’t it rôze kofferke op stiet, is net nij. Dêr hawwe myn sus, broer en iksels eartiids thús noch op sitten. Op Yfke har keammerke is in soarte fan poadiumke. Dat ha wy yn deselde kleur ferve as de flier. Dêr stiet in stoere auto op. Dy hat altyd by ús yn ’e keamer stien, om’t wy dy sa moai fûnen. Mar no mei Yfke him op ’e keamer ha. Der 14

15


wie gjin romte foar in grutte kast, dus ha ik sels in kleanrekje makke. Dat is net sa yngewikkeld. Gewoan fan in biezemstok, wat kralen en in tou. Dêr hingje ik Yfke har jurkjes en shirtsjes oan. In ideale kreative oplossing. Ik bin altyd wol wat dwaande om it leuk yn ’e hús te meitsjen. Ik helje in protte ynspiraasje fan Instagram en Pinterest. Sa mei ik graach wat omrommelje.

de website mooiook.nl ûntwurpen ha. Dêr stiet in Frysk bertegedichtsje op. Doe’t wy de bertekaartsjes bestelden, krigen wy fergees in slinger mei Yfke har namme derop. Dy ha ik oan har keammerkedoar hongen. In freondin fan my makket as kreamkadootsje altyd in houten berneweintsje yn de styl fan it bertekaartsje. Dat stiet neist it bertekaartsje yn it rek. Sa leuk!

Mar der binne mear minsken dy’t bydroegen ha oan Yfke har keammerke. Sa hat Yfke har pake de laden fan de kommoade makke en de ombou fan de kachel, achter it bedsje. It bedsje sels is fan Ikea, mar de lekkentsjes en it tekkentsje fan wafelstof hat ús mem makke. Dy hat nammentlik in naaiwinkeltsje yn Dokkum. Se sei: “Sykje mar út watst leuk fynst en dan meitsje ik it wol.”

Mar der binne mear kreamkadootsjes te finen op Yfke har keammerke. Lykas de houten blokken op it boekerek fan hipenhout.nl, mei de bertedatum fan Yfke. It kofferke is fan ‘Done by Deer’. Dêr bewarje ik dingen foar Yfke yn, lykas har earste pakje en sobber. Op it lytse stuoltsje stiet ‘Yfke Sophie’s first beautycase’ fan theriverhouse.nl. En achter Yfke har bedsje stean noch in pear moaie berteblokken fan Little Dutch.

De houten rekjes oan ’e muorre binne de bekende krûderekjes fan Ikea. Boppe-op stiet it bertekaartsje fan Yfke, dat ik sels fia

Al mei al, al is it mar lyts, it is in prachtich keammerke wurden. Wy binne der hiel wiis mei.’


16

17


Sa prate wy thús Marijke Hensler wennet mei har man Roger, harren dochter Olivia Arizona (6) en harren soan Joshua Phoenix (5 moanne) op ’e Jouwer. Har man Roger komt oarspronklik fan, jim riede it al, Phoenix Arizona yn Amearika.

Skriuwer: Dieuwke van der Meer Foto: Hoge Noorden

Marijke: ‘De âlders fan Roger syn beppe wienen Friezen en binne oait ferhuze nei Amearika. Yn de simmer fan 2000 kaam Roger mei syn famylje nei Fryslân ta om te sjen wêr’t syn foarâlders weikomme. Syn beppe is in achternicht fan myn beppe en sa kaam er destiids by ús op besite. Wy wienen doe beide 21 jier en ús heit sei tsjin my dat ik mar efkes mei him der op út moast. Sa gongen wy tegearre op stap en fan it iene kaam it oare. Wy hawwe earst oardel jier in langeôfstânsrelaasje hân en doe is er yn Nederlân kaam te wenjen. Doe’t wy elkoar krekt koenen, praten wy fansels altyd Ingelsk mei elkoar. No prate wy tachtich prosint fan de tiid Nederlânsk mei elkoar. Ek as de bern derby binne, prate wy altyd Nederlânsk. Mar is Roger allinne mei de bern, dan praat hy Ingelsk. En as ik allinne bin mei de bern, dan praat ik Frysk tsjin se. Mar ik moat earlik sizze, Olivia har Ingelsk is better as har Frysk. Se kin it

wol, mar se praat it hast net werom. Roger fynt it hiel belangryk dat Olivia har Ingelsk goed is. Sels har Netflix stiet op Ingelsk ynsteld. Hy wol dat sy goed mei syn famylje kommunisearje kin. Doe’t Olivia 5 jier wie, hawwe wy fjouwer wike nei Amearika west. Dêr learde se it Ingelsk hiel flot. De minsken dêr fûnen it prachtich en wûnderbaarlik dat sa’n lyts famke sa goed Ingelsk koe en dêrneist noch twa talen prate koe. It falt foar my net altyd ta om yn it Frysk tsjin de bern te praten. As ik allinne mei se bin of by myn eigen Fryske famylje, dan giet it wol. Mar at Roger derby is, of se prate yn it Nederlânsk werom, dan skeakelje ik sels faak ek wer oer op it Nederlânsk. By ús soan wol ik echt besykje om dat net mear te dwaan. Mar Olivia ferstiet it teminsten en se kin it ek wol prate hear. Soms hat se fan dy dagen, dan seit se tsjin my: “Mem, hjoed praat ik de hiele dei Frysk!”’


Wisto datst op www.heitenmem.nl ek Fryske foarnammen fynst, mei de betsjutting derby?

Ferneame Eartiids wie it gebrûklik om bern te ferneamen nei famyljeleden. Dêr wienen bepaalde regels foar: 1e jonkje: pake oan heitekant 2e jonkje: pake oan memmekant 3e jonkje: heit syn âldste broer 4e jonkje: mem har âldste broer 1e famke: beppe oan memmekant 2e famke: beppe oan heitekant 3e famke: mem har âldste suster 4e famke: heit syn âldste suster Populair Populaire jongensnamen in Fryslân zijn vandaag de dag: Jesse, Hidde, Jurre, Sven, Thijs, Sem, Levi, Lucas, Niek en Finn.

Fergetten nammen Ast dyn bern in unike namme jaan wolst, kinst ek ien kieze út de ûndersteande nammen. Dy Fryske foarnammen binne nammentlik hast útstoarn. Mar miskien is dat ek net altyd sûnder reden… Fryske jongesnammen dy’t hast útstoarn binne: Ame, Boeije, Doên, Doyke, Eentje, Elbe, Emeka, Fake, Feberikus, Hikke, Hoaite, Holst, Holk, Hoppe, Hottum, Klien, Leintje, Limke, Luurtze, Madzen, Maije, Neensche, Oept, Pooi, Redze, Rimpt, Rogchus, Ryken, Taetze, Teetse, Wate, Wealtsje, Wijke en Wijt. Fryske famkesnammen dy’t hast net mear foarkomme, binne: Bintsje, Boodske, Djoerdtje, Doedertje, Doite, Doyke, Dwotsje, Eertsje, Eertske, Eile, Entje, Etsje, Fimme, Frietske, Froatsje, Gabeske, Goossen, Guitsche, Holk, Jilkjen, Jookje, Neantske, Neensche, Neenskje, Nolke, Obtje, Oktjen, Olke, Reinschje, Rouke, Sabe, Scholtje, Semien, Setche, Sieze, Sukke, Taekeltje, Teatje, Tiege, Winkje, Wolke en Ygje.

Populaire meisjesnamen in Fryslân zijn: Lieke, Fenna, Tess, Femke, Mirthe, Yara, Fardau, Silke, Eva en Julia.

Boarne: ‘De lêste Hikke’ fan Aly van der Mark (Friese Pers Boekerij, Leeuwarden 2014 € 10,-)

18

19

Dieuwke van der Meer

Foarnammen


8 tips foar in poppeslokparty! Nije âlders kinne faak net wachtsje om harren lytse wûnder oan de wrâld sjen te litten. Guon stelle harren hús de earste moannen iepen foar kreambesite, mar der binne ek âlders, dy fiele mear foar ien grut kreamfeest: in poppeslokparty! Hoe’tst dat no organisearje moatst? Wy jouwe dy hjir acht tips!

1 2

Utnûgingen Wa wolst graach dat der allegear op jim kreamfeest komme? Allinne famylje en freonen, of ek kollega’s? It handichst is om de útnûging fuortendalik mei it bertekaartsje te ferstjoeren. Lit de minsken harren by jim oanmelde as se komme wolle, sadatsto witst hoefolle minsken ast ferwachtsje kinst. It is skande ast tefolle iten en drinken ynslein hast. Ferjit net om ek in eintiid op de útnûging te setten, want do bist dan fansels noch wol kreamfrou!

Lokaasje Hast thús de romte? En hast de enerzjy en de mooglikheid om it ien en oar sels ta te rieden wat it iten en drinken oanbelanget? Dan kinst de poppeslokparty lekker thús hâlde. Sa hast alles by de hân. Ast der net al te folle drokte fan ha wolst, kinst it feest ek yn in sealtsje of in restaurant hâlde.

Dieuwke van der Meer

3

De oanklaaiïng Fansels meie wat slingers en ballonnen net ûntbrekke op de poppeslokparty. Wolst der wat mear wurk fan meitsje, dan kinst der ek in tema oan hingje. Foar ynspiraasje kinst even op Pinterest sjen.


4

De lytse poppe Fansels komt de besite om jim poppe te besjen. Mar foar in lytse poppe betsjut in kreamfeest in protte yndrukken dy’t ferwurke wurde moatte. Nim dêrom ien momint om de poppe oan de kreambesite sjen te litten. Gean mei de poppe op ’e earm efkes de besite bydel en set him of har dêrnei wer op in rêstich plakje del, of lit de poppe lekker by dy yn de draachdoek lizze. Fiel dy net skuldich ast nee sizze moatst, as de besite freget om de poppe fêst te hâlden. Der komme letter noch genôch mominten dat dat wol kin.

5 6 7 8

20

In plakje foar bern As der in protte bern op dyn poppeslokparty komme, kin it handich wêze dat se harren eigen romte ha. Sa kinne se harren lekker útlibje, drave en gek dwaan en de heiten en memmen kinne efkes rêstich de kofje opdrinke. Hier in springkessen of grutte boublokken, set in tipy del, of meitsje in leuk nifelhoekje foar de bern.

Kreamkadootsjes Kreambesite wol altyd graach wat meinimme foar de poppe. Do kinst se dêryn frijlitte, mar kinst ek in ferlanglistke opstelle. Wolst leaver gjin boartersguod of klean? Tink dan ris oan in eigenmakke bonneboekje, kreamkost, oppas, húshâldlike help, in fotoshoot, in kadobon of jild foar in goed doel.

De hapkes en de drankjes Kinst fansels de catering sels dwaan, mar kinst ek de lokale tsiisboer, bakker of slachter freegje nei wat de mooglikheden binne. En fansels kinst dan ek altyd noch de tradisjonele bak mei mûskes op tafel sette. Alkohol: ja of nee? Ek dat is in ding om efkes mei dyn partner te bepraten.

De kreamfeestbedankjes Wannear’t de poppeslokparty ôfrûn is en do hooplik hielendal yn ’e wolken bist fan it moaie feest, is it ek leuk om de besite in bedankje mei te jaan nei hûs. Ast wat leuks ynelkoar nifelje wolst, kinst dat al fêst yn dyn swangerskipsferlof dwaan. Kinst fansels ek wat bestelle, of it gewoan by wat simpels hâlde, sa as in sûkelaadsje. Ek ast derfoar kiest om gjin kreamfeest te hâlden, is sa’n bedankje leuk om oan de kreambesite mei te jaan.

21

Litst leaver de hiele babybuorrel fersoargje troch in oar? Tink dan ris oan: Eetcafé ‘De 2 Gemeenten’ yn Jirnsum myaculinair.nl út Vegelinsoard Let’s Party út Oentsjerk


Skriuwer: Klasina van der Werf Illustraties: Marlous van Groenestein


Hoe draag ik mijn baby op de juiste manier?

22

23


Hoe til je je baby op, waar moet je op letten tijdens het verschonen en hoe kun je je kindje het beste vasthouden? Volgens Jelly Visser en Halberta Tuinenga is ‘basisbevestigend dragen’ dé manier om je baby op te tillen en te dragen. Hierbij voelt je baby zich het prettigst. De handen van de ouder worden onder het bekken en het hoofdje gelegd als steunvlak voor het kindje.

Jelly Visser uit Dokkum is sinds 2003 kinder­f ysio­ therapeut en werkt al jaren met ‘basisbevestigend dragen’. ‘Alleen noem ik het niet zo. Maar eigenlijk is het voor mij al heel vanzelfsprekend om bij een pasgeboren baby het bekken en het hoofdje te steunen. Daardoor voelt de baby zich veilig en vertrouwd’, legt Jelly uit. Zij geeft ouders het advies om het kindje zijwaarts op te tillen, met een scheppende beweging onder de billen van het kindje. ‘Zeker in het begin is het belangrijk om het hoofdje goed te ondersteunen, omdat de nekspieren dan nog niet zo sterk zijn.’ Deze spieren kun je trainen door de baby zo vaak mogelijk op de buik te leggen. Dit moet wel onder toezicht gebeuren en alleen als het kindje wakker is. Dat ‘buikliggen’ kan op het aankleedkussen of in de box (eerst met opgerolde handdoek onder de borstkas en oksels om het de baby gemakkelijker te maken), maar ook door je kind bij jezelf op de borst te leggen terwijl je op de bank ligt. Het is niet alleen goed voor de nekspieren, je versterkt zo ook de band met je zoon of dochter én je voorkomt dat het kindje aan één kant een afgeplat hoofdje krijgt.’

voeten vastpakken. ‘Deze manier van verschonen is ook beter voor de heupen. Probeer daarbij het aankleedkussen recht voor je te houden in plaats van er scheef voor te gaan staan. Dit is ook goed voor het contact met je kind. Met het aantrekken van het rompertje is het handiger om het armpje door de mouw heen te duwen dan aan het handje te trekken. O ja, en wist je dat je de romper niet over het hoofd hoeft te trekken? Die zijn zo gemaakt dat je ze gewoon naar beneden kunt uittrekken. Daar kwam ik pas achter toen onze kinderen groter waren’, lacht Jelly.

Verschonen Het verschonen van de baby kun je volgens de kinderfysiotherapeut het beste doen door hem op zijn zij te draaien en zo de billen schoon te maken. Je kunt de baby dus beter niet bij de

Rustig optillen Bij het optillen is het vooral belangrijk om het kind niet onder de oksels vast te pakken. Door middel van een draai geef je met je ene hand steun onder de billen en de andere hand doe je


onder de schouders en het hoofdje. Jelly: ‘Het bekken is het middelpunt – de basis – van je lijf, dus het is veel steviger om het kind daar vast te pakken dan het te laten bungelen. Let er ook op dat je het kindje niet te snel optilt. De baby is trage bewegingen in de buik gewend, dus als je het rustig optilt geeft dat een veiliger gevoel. Vaak adviseer ik ouders om vooral op hun gevoel af te gaan. Van nature wil je je kindje lekker om je heen en dicht tegen je aan houden. Dit draagt lekker en voelt het fijnst voor je baby.’ Draagdoek Ook Halberta Tuinenga van De Earrebarre uit Hurdegaryp stelt dat basisbevestigend dragen het fijnst is voor het kind. ‘Deze manier van tillen en dragen komt terug in de cursus babymassage die ik geef. Basisbevestigend dragen is niet moeilijk, het is meer dat je je bewust bent van je handelingen en dit toepast’, zegt Halberta, die tevens draagconsulent is. Het valt haar op dat het gebruik van een draagdoek de laatste jaren steeds populairder is geworden. In het straatbeeld komen gedragen kinderen steeds vaker voor. Het dragen van een baby in een doek of draagzak is voor ouders niet alleen praktisch (de ouder heeft de handen vrij), het kan ook een hulpmiddel zijn bij het ondersteunen van de baby in een ontspannen houding. 24

25

Huilbaby’s Halberta adviseert ouders om zich goed te verdiepen in het gebruik van een drager of doek. In heel Friesland werken draagconsulenten die geschoold zijn in het veilig en verantwoord dragen van je kindje. ‘Als je op een goede manier hebt leren knopen, heb je er zoveel meer plezier van en is het veilig voor je kindje. De verticale houding in de draagdoek is heel natuurlijk voor baby’s en draagt bij aan een optimale heupontwikkeling. Ook voor baby’s die veel huilen, onrustig zijn of darmkrampjes hebben, biedt het dragen uitkomst. Baby’s vinden het fijn om dicht bij de ouder te zijn. Bij pijn werkt lichaamswarmte beter dan bijvoorbeeld een kruik. Voor baby’s met reflux is het bovendien prettiger om rechtop gedragen te worden na een voeding. De doek of drager geeft het kindje geborgenheid en troost. En – niet onbelangrijk – meer rust voor de ouders.’


Skriuwer: Marieke Vinckers Foto: Hippe Kiek Fotografie

Byinoar sliepe yn it famyljebêd


De minske is eins it iennige sûchdier dat syn bern yn in oare keamer sliepe lit. Der binne lykwols hieltyd mear âlders dy’t de kar meitsje om wer byelkoar te sliepen. Op ús Facebook-berjocht mei de fraach wa’t thús in famyljebêd hat, krige heit&mem hast twahûndert reaksjes! Fan: “Ben je gek? Dan doe ik geen oog dicht!”, oant: “Wy koese lekker byelkoar!”

In grut bêd fan stegerhout, twa meter breed, trije sliepplakken. De fjouwerjierrige Anna út Ljouwert leit sûnt twa jier tusken har âlders Susanne en Jacob Jongejan yn. It earste diel fan de jûn sliept se yn har eigen bêd, op har eigen keamer. As Anna wekker wurdt, is it faak bêdtiid foar har heit en mem. Ropt se, dan nimme se har lytse famke mei nei it grutte bêd. Nei it bêdritueel (ferhaaltsje lêze en Jacob dy’t hiel sêft in leaf heavy-metallietsje sjongt foar syn dochter) sizze se: ‘Tot strakjes!’ Noch altyd wurdt Anna nachts wekker, dochs binne de nachten folle rêstiger. Susanne: ‘We hoeven er niet meer uit om haar gerust te stellen. We liggen naast haar om te zeggen dat het nog geen ochtend is, en dan slaapt ze rustig verder.’ Doe’t Susanne in kear sei: ‘Lieverd, het is nog nacht, iedereen slaapt nog’, sei Anna (doe twa jier âld): ‘Nee hoor, uilen zijn nu ook wakker!’ Dêrnei slepte se al gau wer. Gerderike Leemburg op Facebook: “Samen slapen voelt voor ons erg natuurlijk. Als je kijkt naar de dierenwereld of naar andere culturen, dan is samen slapen en samen zijn erg normaal. Eigenlijk is het vreemd dat wij in Nederland onze baby’s vrij veel alleen laten.” Normaal ‘Het is een keuze’, seit Jacob, de heit fan Anna. ‘Die keuze wijkt misschien af van de maatschappelijke norm, maar wij vinden het niet meer dan normaal dat Anna ’s nachts bij ons ligt. Je bent er overdag toch ook voor je kind? Wij willen ook ’s avonds dichtbij zijn als ze ons roept.’ Susanne: ‘Wat ik zo jammer vind, is dat samen 26

27

slapen als alternatief wordt gezien, in plaats van als normaal. Ook wordt vaak ingespeeld op angst, zoals de zorg dat je op je kind kunt gaan liggen, maar als je je aan de voorschriften houdt van veilig samen slapen1, is het juist heel veilig en ook zó fijn om samen met je kindje te slapen.’ Byinoar sliepe Wy binne it hjir net mear wend. Yn Yndia bygelyks (13 miljard ynwenners) sliept mar 7 prosint fan ’e berntsjes (3-10 jier) net by de âlders, 93 prosint wol 2. Troch de iuwen hinne is der yn it Westen in soad feroare. Yn 1800 skowe wy it berntsje noch yn in laadsje fan it bedstee. Oant healwei de 20e iuw libben wy yn lytse hûzen mei grutte gesinnen en slepten wy noch ‘gewoan’ mei syn allen byelkoar. Pas doe’t der mei de yndustriële revolúsje ek wolfeart kaam, waarden de hûzen grutter. Dêrmei kamen der ek mear keamers, ynklusyf de bernekeamer. Gûle Dat Anna by har âlders sliept is eins út need berne. Jacob fertelt dat Anna as poppe in soad gûlde: ‘Ze was heel onrustig. We merkten dat ze het fijn vond om dicht bij ons te zijn. Eerst hebben we daarom een co-sleeper aangeschaft. Riep ze ons, dan gaven we haar een aai over de bol, legden haar knuffel dichtbij en sliepen verder. Het was voor ons alledrie heel onrustig. Toen we ons verdiepten in natuurlijk ouderschap, merkten we dat dat veel beter bij ons paste dan wat in onze 1 Veilig samen slapen: www.samenslapen.nl/veiligheid 2 Nighttime Parenting, dr. William Sears USA


‘ Als Jacob en Anna a capella snurken, dan pak ik wel even mijn oordoppen!’

maatschappij de norm is. Het is dan niet de klok die bepaalt wat goed voor haar is, maar Anna zelf. Als zij na drie uur slapen wakker werd omdat ze honger had, wie waren wij dan om te zeggen dat het daar geen tijd voor was?’ Natuerlik âlderskip Susanne: ‘De kern van natuurlijk ouderschap is dat een veilige hechting tussen ouder en kind van groot belang is voor een kind.’ By natuerlik âlderskip3 jout de mem bygelyks folle langer boarstfieding, âlders drage it bern op it lichem en leare sensityf te reagearjen op wêr’t it bern ferlet fan hat. ‘Samen slapen hoort daar wat ons betreft ook bij’, seit Susanne. ‘En ja, daar hebben we het natuurlijk wel even goed over gehad samen, maar het voelde voor ons beiden heel natuurlijk dat ons meisje bij ons kwam slapen.’ Fenna Visser reageerde op Facebook: “Leuk zo’n familiebed, maar hoe komen er dan broertjes of zusjes? Als partner wil je toch ook wel eens samen lekker knuffelen, tegen elkaar aanliggen, of dingen bespreken?” In protte reaksjes gongen dêroer. Jeltsje van der Gal: “Wy ha wol wat ferlet fan privacy!” 3

Natuurlijk ouderschap: https://kiind.nl/article55

Susanne en Jacob sjogge eefkes leafdefol nei elkoar en hast tagelyk sizze se: ‘Tot elf uur ’s avonds zijn we lekker met z’n tweetjes en kunnen we doen wat we willen!’ Feilich Foardat it grutte stegerbêd kaam, hie it stel it allegear goed trochtocht. ‘We hebben ons verdiept in de regels van veilig samen slapen, van professor McKenna4.’ It foardiel fan byelkoar sliepen? Do fielst elkoar oan. As de ien draait, draait de oar mei en as it bern wekker wurdt, dan bisto der om te treasten. De eangst dat it bern stikke sil is faak ek grut, mar it blykt dat byelkoar sliepe krekt hiel feilich is, trochdat je prikkels diele op bêd. Jacob en Susanne ûnderfine gjin neidielen, eins allinnich mar foardielen. ‘Nou ja,’ laket Susanne, ‘tenzij Jacob en Anna a capella aan het snurken zijn, dan pak ik m’n oordoppen wel hoor!’ Jacob: ‘We zijn nog elke dag heel blij met onze keuze. Anna heeft ons geleerd om op een andere, meer natuurlijke manier naar het ouderschap te kijken. We voelen aan wat zij nodig heeft en daar spelen we op in.’ Susanne: ‘Anna heeft ons gaandeweg geleerd de ouders te zijn die we willen zijn.’ 4 Veilig samen slapen volgens professor James McKenna: http://samenslapen.nl/veiligheid/ 28

29


e n n a o m e d t n a o en wer werom

sa wiis bin ik mei dy

28

29


Apps

foar de lytskes! Ek leuk, tegearre mei dyn lytse op de tablet boartsje. Der binne in soad apps foar bern makke en fansels ek yn it Frysk. Wy jouwe jim in oersjoch fan Fryske apps dy’t geskikt binne om mei bern fan ien jier ôf te dwaan.


Tomke en syn freontsjes Yn de spiksplinternije Tomke-app binne ferhaaltsjes, filmkes, ferskes en spultsjes te finen fan Tomke en syn freontsjes. Lekker boartsje! �������������������������������������������

F O A R: I PA D E N ANDROID P R I I S: FERGEES

Lytskes Mar leafst njoggen animearre Fryske berneferskes. Sjong mar mei! • • • • F O A R: I PA D E N ANDROID P R I I S: FERGEES

Hantsjes yn ’e hichte, Friese kinderliedjes Sykje it plaatsje op de trije sykplaten. Fûn? Sjoch nei it filmke mei in lietsje en doch mei! De Fryske lietsjes, 5 nije en 10 tradisjonele, wurde songen troch Janneke Brakels, mei begelieding op piano troch Cor Bakker. • • • •

F O A R: A N D R O I D, IPHONE, I PA D E N I P O D TOUCH P R I I S: FERGEES

F O A R: I PA D E N ANDROID P R I I S: FERGEES

Rinze syn jierdei/ Rinze is gek op wetter/ Rinze’s AaBee/ Rinze op reis Belibje grappige aventoerkes mei Rinze de Kikkert en lear Fryske wurdsjes. �������

It Grutte Foarlêsboek In app mei prachtige ferhalen, gedichten en spultsjes, foar bern fan twa jier ôf. • • • • • • • F O A R: I PA D E N ANDROID P R I I S: FERGEES

F O A R: I PA D E N ANDROID P R I I S: FERGEES

30

31

Wat heart wêr? Foar bern fan sa’n twa jier ôf is der de app ‘wat heart wêr?’. Bern moatte foarwerpen út ferskillende situaasjes nei it goede plak slepe. Sa leare se boartsjendewei foarmen te werkennen en tagelyk yn trije ferskillende talen harren wurdskat te fergrutsjen. • • • • • • • • • • • • • • • • • • • • •


Poppeboeken It is noait te betiid om mei foarlêzen te begjinnen. Lytse poppen fine it al hearlik om mei boekjes te boartsjen en se genietsje fan de oandacht dy’tst harren joust. Boppedat krije se troch it foarlêzen al aardich wat taal mei, hielendal ast beneamst wat der yn it boek stiet. Poppen en pjutten hâlde benammen fan kleurige printen, flapkes, fielboekjes en boeken mei lûden. Hjir in top 10 fan Fryske poppeboekjes!

It aldermoaiste bisteboek

€ 14,99

Kinsto de lytse pykjes helpe om har heit en mem wer te finen? Do hearst allegear spannende lûden en fynst allegear bisten achter de flapkes.

€ 8,99

Dit is Stip In skattich boek yn de foarm fan Stip. Om foar te lêzen, mei te boartsjen of te pronk te setten!

Jonge bisten Yn dit kleurrike kartonboekje steane allegear jonge bisten werkenber ôfbylde yn tekeningen én foto.

€ 9,95

€ 9,95

SPLETSJ! Lytse Ko

Lytse Ko swaait mei de sturt en dan… spletsj! Bern kinne oan de flapkes lûke en sjen wat Lytse Ko docht.

€ 8,95

Jentsje yn it bad Jentsje sil yn bad en fansels moatte syn knuffels en boartersguod ek mei!


top 10 Wêr bisto, lytse foks? Kinsto de lytse foks fine? Bern fine it hearlik om troch de gatsjes op syk te gean nei de lytse foks yn dit prachtich yllustrearre boekje.

€ 7,50

It aldermoaiste trekkerboek Giest in rûntsje mei op ’e trekker? Sjoch wat der achter de flapkes sit en harkje nei de lûden dy’t dêr achterwei komme. Fansels makket de trekker in protte lawaai!

€ 14,99

€ 7,50

Hoi, Stip! Dit lytse boekje kinst bygelyks oan de buggy hingje, foar in protte wille ûnderweis.

Tomke – Lekker koese… Tomke sil op bêd. Mar wat docht er allegear foardat er lekker koese kin? En wêr soe Romke koese?

Nijntje oan see Nijntje sil mei har heit nei it strân en de see. Op it strân siket Nijntje skulpen en se bout in fort fan sân.

€ 6,95

32

33

€ 6,50


De kribels fan ekseem

Nynke van der Zee


Alle dagen jokte op dyn lichem. Moatst der net oan tinke. Dochs binne der in hiel soad poppen dy’t al jong lêst krije fan ekseem. ‘Fan de bern tusken de 0 en 1 jier krijt sa’n 14 prosint ekseemklachten’, fertelt genêskundestudinte Sietske Veenje. Mar gelokkich is der wat te dwaan tsjin dat kribelmeunster.

Wa’t Daley (6) boartsjen sjocht mei syn bruorke Yarno en suske Mirthe soe net sizze dat er noch gjin healjier lyn alle dagen lêst hie fan ekseem. ‘It siet oeral’, fertelt syn mem Hittje Zijlstra. ‘It begong doe’t Daley 2 jier wie. Earst krige er flekjes yn ’e nekke, letter ek op syn gesicht. It siet om syn mûle hinne, achter it ear en sels op syn eachlidden. En doe begong it op syn fuotten, hannen, yn syn hoksen en by syn earmtakken. It wie ferskriklik.’ Hinke van der Steege-Dijkstra werkent dat ferhaal. ‘Op presys dyselde plakken hie ús soan Reijer (4) it ek’, fertelt se. ‘Dat begong al doe’t er noch mar 3 moanne âld wie. As wy him út bêd hellen en syn romperke útdiene, dan moasten wy syn hantsjes fêsthâlde of dêr sokjes omhinne dwaan, omdat er oars syn hiele hûd iepenklaude. Ek yn bad gean wie in striid. Dat fûn er mar neat. Lit stean swimme yn it swimbad. Alle dagen jokte; dat winskest gjin inkeld bern ta.’ Negatyf imago Der binne in protte lytse poppen dy’t al jong lêst krije fan ekseem. Reden foar genêskundestudinte Sietske Veenje om mei kollega-studinten Ioana Antonescu, Bernies Bos, Hilda Osinga en dokter Tjalling de Vries ûndersyk te dwaan nei ekseem by lytse poppen. ‘Wy ha ús benammen rjochte op de behanneling fan ekseem’, fertelt se. ‘It meast brûkte middel tsjin ekseem is nammentlik topicale corticosteroïden, better bekend as hormoansalve. En dêr binne in hiel soad heiten en 34

35

memmen benaud foar. Om hormoansalve hinget in hiel negatyf imago.’ Ek Hittje woe yn it begjin neat witte fan hormoansalve. ‘Wy ha der alles oan dien om in oare behanneling te finen foar Daley syn ekseem’, fertelt se. ‘Alle soarten salve dy’t der binne ha wy brûkt. Wy hawwe by in homeopaat west, dy’t ús ferskillende diëten foarstelde. Ik ha sels sa’n power balance earmbân kocht. Mar neat holp. Krekt foar de simmer ferline jier hie Daley sokke rare iepen plakken, dat wy trochstjoerd binne nei it sikehûs. Dêr waard ús dochs hormoansalve foarskreaun. En yn in healjier tiid ha wy in hiel oar jonkje krigen. Ik seach him alle wiken opknappen.’ Op syk nei in oplossing By Hinke thús die de syktocht nei in oar behannelingsmiddel foar Reijer syn ekseem wol fertuten. ‘Ek wy krigen fan de dermatolooch hormoansalve mei nei hûs. Ik ha sels ek lêst fan ekseem en smar leaver sa min mooglik hormoansalve. Fandêr dat wy op syk gongen binne nei de oarsaak fan Reijer syn jokte. Dêrfoar ha wy nei in natuergenêskundich terapeut west. Dy stelde foar om op te hâlden mei gluten en laktoaze. Ik fernaam yn in wike tiid dat de ekseemplakken better waarden. Yntusken ite en drinke wy folslein gluten- en laktoazefrij en wy fernimme dat dat goed helpt. Sa no en dan brûke wy noch wolris hormoansalve, mar sa min mooglik.’


Mear witte oer ekseem? Sjoch ris op: https://www.huidhuis.nl/huidaandoening/constitutioneel-eczeem https://www.thuisarts.nl/eczeem/mijn-kind-heeft-constitutioneel-eczeem

Wolst mear witte oer dit ûndersyk? De artikels dêroer wurde ynkoarten publisearre: • Veenje S, Osinga H, Antonescu I, Bos B, de Vries TW. Focus group parental opinions regarding treatment with topical corticosteroids on children with atopic dermatitis. AllergolImmunopathol (Madr). 2018 Oct 10. • Bos B, Antonescu I, Osinga H, Veenje S, de Jong K, de Vries TW. Corticosteroid phobia (corticophobia) in parents of young children with atopic dermatitis and their health care providers. Pediatr Dermatol. 2018 Oct 18.

De ferhalen fan beide memmen passe presys yn it byld dat ek nei foarren komt yn it ûndersyk fan de fjouwer genêskundestudinten. Sietske: ‘Wy fernimme dat heiten en memmen hiel benaud binne foar hormoansalve. Wy hearre benammen dat minsken yn harren omjouwing fertelle dat it gefaarlik is. Mar wêr’t dat troch komt, ha wy net ûntdekke kind. Faak reageart de omjouwing hiel negatyf, wylst der gjin bewiis is dat de salve fan tsjintwurdich skealik is. Sterker noch: wy riede absolút oan om dy salve te brûken en dêrby net te tin te smarren.’ Goed smarre De hûd bestiet út meardere lagen, leit Sietske út. ‘Ekseem sjochst op de boppeste hûdlagen, mar de ûntstekking sit ek folle djipper. Dêrom is it wichtich om foaral net te tin te smarren en boppedat stadich ôf te bouwen. Fuortendaliks ophâlde mei smarren as de plakjes fuort binne, wurket averjochts. De ûntstekking yn de ûnderste laach is dan noch net fuort, dus is de kâns grut dat ekseem fluch wer klachten jout.’

Dochs wurdt der ek troch assistintes fan húsdokters en apotekers advisearre om tin te smarren. ‘Wylst dat hielendal tsjin it advys fan de eksperts yngiet’, seit Sietske mei klam. ‘De hjoeddeiske behanneling is oars as eartiids. De hûd wurdt miskien tinner, mar dat wurdt it yn elk gefal ek troch ekseem. Dus dan is de kar net sa dreech, liket my.’ Ofskied fan it kribelmeunster Hinke hâldt de salve it leafst safolle mooglik yn ’e kast. ‘Ik sjoch by mysels dat myn hûd tinner en witer is op de plakken dêr’t ik sels salve smard ha. Dat wol ik foar sjen te kommen by Reijer. Wy hoopje dat hy der sa gau mooglik oerhinne groeit.’ Ek Hittje brûkt de hormoansalve allinnich noch as it nedich is. ‘It hat ús rêding west, mar myn winsk is dat Daley it aanst net mear nedich hat. Dat wy definityf ôfskied nimme kinne fan it kribelmeunster.’

36

37


BERNEPRAATSJES Hat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei ynfo@heitenmem.nl.

Jesse (5) wurdt grutte broer en tinkt te witten wat it wurdt. ‘Mem, ik tink dat it in broerke wurdt, want ik seach op de echo gjin sturtsjes yn it hier!’

Tije (5): ‘Mem, wanneer wordt Lars gedipt?’ (gedoopt)

Julia (5) wit krekt hoe’t it sit. ‘Jongens worden geboren uit heities en meisjes worden geboren uit memmies.’

Amarins (2) leit in hân op mem har boarst en freget: ‘Dêr sit in baby yn, hè mem?’

Rixt (3) sit by mem op skoat en seit: ‘Mem, ik haw dêr (wizend nei mem har boarst) dochs ek út dronken?’ ‘Ja, dat kloppet’, seit mem. ‘Mar wêrom sit dat spientsje dêr dan noch hieltiid oan, at ik dêr net mear út drink?’

Hieke (7) har mem kriget ynkoarten wer in lytse poppe. As Hieke in ierdbeidessert iepenmakket, treft se it net: ‘Mem! Der sit allegear fruchtwetter op!’

As Lotta (3) har lytse broerke drinken hân hat by mem, seit Lotta: ‘Gau it blûske ticht, mem!’ ‘Wêrom dat?’ freget mem. ‘Oars wurdt de molke kâld!’


Ciska Noordmans

Elk kontakt hat mei taal te krijen


De doar swaait iepen. Dêr stiet Ytsje Kramer, jeugdferpleechkundige by GGD Fryslân – by de measten foaral bekend fan de konsultaasjeburo’s – yn Snits, lokaasje Thomas van Aquinoskoalle. Wy rinne troch de wachtromte en it kantoar fan de assistinte nei Ytsje har keamer. ‘Hjirachter sit de arts fan it konsultaasjeburo’, leit Ytsje út. ‘Alders komme mei de poppen binnen by de assistinte, dêr wurde se woegen en metten, en dêrnei geane se nei de ferpleechkundige of de berne-arts.’

Hert foar soarch én taal It konsultaasjeburo sit yn in wyk mei in protte ferskillende nasjonaliteiten, dêr’t soms ek sosjaalekonomysk in soad oan ’e hân is. Ytsje sit al 25 jier yn it fak en is ûnderwilens yn it sâlt bebiten. Se eaget tear, mar har eagen skitterje as se oer har wurk praat. Oan alles is te fernimmen dat hjir in dame sit mei hert foar soarch én taal. In bytsje stipe As jeugdferpleechkundige komt sy yn kontakt mei âlders dy’t somtiden wol in bytsje stipe brûke kinne. Dêr hat de Jeugdgezondheidszorg (JGZ) de metoade Stevig Ouderschap foar ûntwikkele. ‘Dat hâldt yn dat problemen mei de opfieding en it opgroeien sa gau mooglik sinjalearre wurde. Mei foarljochting, begelieding, útlis en advys wurdt besocht om alles werom te bringen nei in normale sitewaasje. Alles rjochtet him op it wolwêzen fan it bern en de âlders. Bern moatte ommers sûn en feilich opgroeie kinne’, leit Ytsje út. ‘Soms is it in hiele útdaging. Hoe kommunisearrest mei in mem dy’t allinne Sûdaneesk praat?’ 38

39


kinne, mar Frysk ferstean giet faak prima. In protte âlders komme tegearre op it buro. As sy by de assistinte binne, fernimst al gau wat taal at heit en mem ûnderling prate en wat taal at der mei de poppe praat wurdt.’ Nederlânsk of bewust meartalich? Ytsje: ‘Yn in sitewaasje fan in Fryskpratende en in Nederlânskpratende âlder geane wy fierder op de taal yn. Soms jouwe âlders oan bewust Nederlânsk te praten mei de poppe. Dan hawwe sy yn ûndersiken lêzen dat bern yn it Nederlânsk de grutste wurdskat opbouwe. Ik moat dan eefkes útlizze datst ast yn twa talen opgroeist, ek deselde wurdskat yn twa talen opboust. Soks ropt fragen op fansels.’

Kontakt! As de poppe der is, binne der yn ’e regel seis mominten dat âlders en ferpleechkundigen kontakt mei-elkoar hawwe: nei seis wike, trije moanne, in healjier, njoggen moanne, ien jier en oardel jier. Soms is der ek al kontakt mei de mem yn de swangerskip. As in oansteande mem graach in petear oer it âlderskip hawwe wol mei in jeugdferpleechkundige, kin sy har dêrfoar oanmelde fia de ferloskundige of de húsarts. Ytsje komt ek by de froulju thús om te sjen hoe’t it giet. Lang net elkenien wit al dat praten mei de baby yn ’e búk it kontakt fersterket tusken mem en bern. As de poppe der ienris is, rjochtet it earste kontakt him op de poppe en de mem. Rêde se har wol, hoe giet it mei de fersoarging fan de lytse? En fansels, de âlders hawwe befêstiging nedich: Jawis, jim dogge it goed! As fansels wurdt sjoen nei it kontakt fan de heit en mem mei de lytse. En hat net elk kontakt mei taal te krijen? Elkoar oansjen, laitsje, oanreitsje én mei-elkoar prate? Wat taal prate heit en mem tegearre? Nei trije moanne komme de âlders foar de twadde kontrôle. ‘Ik begjin altyd yn it Frysk’, fertelt Ytsje, ‘dan tsjek ik eefkes oft de âlders dat ek begripe. De measten jouwe oan dat se ’t net weromprate

Ekstra tiid ‘Om âlders better te ynformearjen hat de gemeente Súdwest-Fryslân derfoar soarge dat wy no tsien minuten ekstra tiid ynplanne kinne. Der binne noch in protte foaroardielen oer it grutbringen yn mear talen, as it om it Frysk giet. Dochs fernimme wy ek dat âlders it nijs oer ûndersiken dy’t de foardielen fan meartaligens sjen litte wol meikrije. As sy hearre dat it brein liniger wurdt, dat bern in foardiel ha as sy letter mear talen leare wolle, dan binne de âlders al gau om’, fertelt Ytsje. As de groep twatalige âlders nei alve moanne wer mei de poppe op it buro komt, is der ekstra tiid ynromme om fierder yn te gean op de taal. Se krije dan ek it Tomkeboekje en it Taalgroeiboekje mei om har te stypjen om it berntsje bewust meartalich grut te bringen. Taal en identiteit Taal hat fansels alles mei identiteit te meitsjen. Wa bisto, wêr hearsto by? Yn hokker rûnten kinsto en wolsto ferkeare? En wat hasto meikrigen fan thús? Ytsje en har man hawwe de beide bern yn it Frysk grutbrocht; der waard thús Frysk praat en yn ’t Frysk foarlêzen. Ien dochter hie Frysk as eksamenfak. Mar as no de bern mei de partners by har oan ’e tafel sitte, prate sy Nederlânsk mei-elkoar. Net alles falt te stjoeren!


Dieuwke van der Meer

Bliuw by dysels It is sneintemoarn. Do leist neist my yn it grutte bêd. Noch mar tolve wike op dizze wrâld. Ik sit dy rêstich te besjen. Dyn lytse hantsjes, dyn ûnwillekeurige bewegingen, dyn twinkeljende eachjes. Soms kin ik wol gûle fan gelok. Of soe it dochs de wurgens wêze? Soms kin ik ek wol gûle fan ûnwissichheid en betraapje ik mysels derop dat ik hieltyd mei myn tillefoan yn ’e hannen sit, om’t ik alles googelje wol. Allinne oer it sliepen fan in lytse poppe binne al tich ferskate mieningen en advizen te finen. De iene seit gûle litte, de oare seit fan net. De iene seit nachtfiedingen binne goed, de oare seit fan net. De iene seit it bern by dy sliepe litte is it bêste en de oare seit wer fan net. Om gek fan te wurden.

âldste, lústere ik foaral nei oaren. Gewoan omdat ik tocht dat dy it altyd better wisten. Sy hienen de ûnderfining, ik net. Mar no wit ik, oare heiten en memmen dogge ek mar wat. No besykje ik foaral nei mysels te lústerjen. Ik doch wat goed fielt. En as ik it wer even net wit, dan rop ik foar de safolste kear myn mantra ‘Ik meitsje my nearne drok om’. Want ik wit, de babytiid giet echt sá hurd foarby. Wylsto dy drok makkest omdat er net allinne yn syn bedsje sliepe wol, noch net trochsliept, alwer it boarst ha wol of te lang oer syn fleskes docht, ferjitst al gau fan it no te genietsjen. Dus ik folgje myn gefoel en ik folgje myn soan, dy’t him neat oanlûkt fan sliep- en ytskema’s. Hy stekt syn hantsjes yn ’e loft en besjocht se wiidweidich.

Op sokke mominten betink ik my wat ik dwaan soe as ik allinne mei myn poppe yn de rimboe wêze soe. Dan komst ynienen hiel ticht by de natoer en hiel ticht by dysels. Doe’t ik mem waard fan ús

Dan giet de sliepkeamerdoar sachtsjes iepen. Us dochter fan seis krûpt ek by ús yn bêd. Se krûpt har lytse broerke oan. Triennen fan ûnwissichheid of wurgens? Nee, dizzen binne echt fan gelok.

40

41


Skriuwers: Hilda Schram & Sytske de Boer Yllustraasjes: Mirjam van Houten


De tuskentaalfaze ûndersyk fan it heit&mem-panel Yn Fryslân leare in soad bern op jonge leeftiid mear as ien taal. Thús, op de berne-opfang of op skoalle. Om sicht te krijen op hoe’t de twatalige ûntwikkeling ferrint yn ferskillende sitewaasjes, is yn 2014 it heit&mem-panel oprjochte, troch û.o. it Sintrum Frysktalige Berne-opfang en de Afûk. Yntusken dogge de âlden fan mear as 700 bern mei oan it panel. Sy beäntwurdzje in jierlikse fragelist en teste taalaktiviteiten út.

Ien fan de ûndersyksfragen wie oft it taalgebrûk fan de bern troch de jierren hinne feroaret. No’t de jierlikse fragelist fjouwer kear útset is, krije we dêr sa stadichoan in byld fan. It blykt dat de taal dy’t de bern thús prate yndie net altyd itselde bliuwt. Fan de âlden dy’t de fragelist trije of fjouwer kear ynfolle hawwe, jout in sechde part oan dat der sprake is fan in ridlik grutte feroaring tusken it earste en it lêste mjitmomint. Dan prate it bern bygelyks earst meastentiids Frysk mei de âlden en letter meast Nederlânsk, of oarsom. Sa prate de middelste soan fan Sybrich Salverda út Frjentsjer oant in jier as 3 altyd Frysk mei heit en mem. Mar dêrnei kaam er stadichoan yn de tuskentaalfaze*; ûnderwilens brûkt er it Nederlânsk en it Frysk faak trochinoar. Sybrich: ‘Dan seit er bygelyks: “Ik heb vandaag lekker geboarterd.” Op dit stuit is it mear Nederlânsk as Frysk. Hy is noch mar 5, en dit is in tydlike faze, dus we moatte mar ôfwachtsje hoe’t it komt. Wy bliuwe yn alle gefallen konsekwint Frysk tsjin him praten.’ 42

43

Krekt as yn in protte oare húshâldingen ferrint by Sybrich thús de taalûntwikkeling fan it iene bern oars as by it oare. ‘Us âldste hat net lang yn ’e tuskentaalfaze sitten, hy hie himsels al rillegau oanwend om op skoalle Nederlânsk te praten en thús Frysk.’ Ek by Geartsje Visser út Grins wie der ferskil tusken de bern. By de enkête yn 2016 prate de âldste dochter thús Frysk, wylst de jongste dochter fral Nederlânsk prate. Geartsje: ‘Wy wenje yn Grins, dat de bern hearre eins allinne thús en by famylje Frysk. En tafallich is ien liedster op de berneopfang ek Frysktalich. Wy hiene wolris it gefoel dat ús Rikst earst net goed begriep wêr’t se wol en wêr’t se net terjochte koe mei it Frysk. Faaks hat se doe tocht: ik praat altyd mar Nederlânsk, dan ferstiet elk my.’ In jier letter jout Geartsje oan dat de jongste thús ûnderwilens altyd Frysk praat. Wat is der bard? Geartsje: ‘Rikst hat blykber útfûn dat je de taal keppelje kinne oan in persoan. Dêr is se hiel strak yn. As se foar harsels besletten hat dat


se Frysk praat mei in bepaald persoan, dan wykt se dêr ek net mear fan ôf.’ Troch de jierren hinne binne der troch it heit&mempanel ek eksperimintsjes en taalspultsjes dien yn ferskate talen: Frysk, Nederlânsk en ek Ingelsk. Sa is bygelyks besjoen oft bern maklik Fryske wurdsjes oanleare kinne mei help fan opsisferskes út Krûpelhintsjes. De âlden diene trije dagen achterinoar in ferske mei de bern. Op de earste dei seinen de âlden it ferske op. Op de twadde dei lieten se in tal wurden fuort en trunen se it bern oan om dy wurden yn te foljen. Op de tredde dei wie it de bedoeling dat it bern dy wurden sels opsizze koe. Alle bern, ek dy út kompleet Hollânsktalige húshâldingen, dogge dat eins hiel goed. De aktiviteit liket in gaadlike foarm om nije wurden út in oare taal te learen. De bern sjogge it as in leuk spultsje en de âlden fine it ek moai om sa’n aktiviteit mei harren bern te dwaan.

Tuskentaalfase: Fierwei de measte bern dy’t op jonge leeftiid twa talen leare, komme op in bepaald stuit yn ’e tuskentaalfaze. Dan brûke se beide talen trochinoar. Soms betinkt it bern sels de frjemdste wurden. Dêr kinst as âlder ûnwis fan wurde: komt dit wol goed? Dochs giet it dêrby om in folslein normale faze, it bern is oan it eksperimintearjen hokker klanken, wurden en grammatikale regels by de iene taal hearre en hokker by de oare. Faak begjint de tuskentaalfaze mei in jier as 3½, en duorret dy oant 5 of 6 jier, mar 7 kin ek noch.

Heit&mem-panel Wolsto ek meidwaan oan it heit&mem-panel? Jou dy op fia t.schrama@sfbo.nl. It makket net út watfoar taal jimme thús prate. De iennichste betingst is dat jimme yn alle gefallen ien bern hawwe yn ’e leeftiid fan 0-6 jier. 44

45


Zullen mijn kinderen twee talen net zo goed leren als één? Er is geen limiet aan wat een kind aan talen kan leren. In sommige landen spreken hele jonge kinderen drie of vier talen. Meestal helpt de ene de andere, en wordt het gemakkelijker om andere talen te leren.

44

45


Thea van der Schaaf

De NIPT-test: welke keus maak jij?


Wel of geen prenatale screening van je nog ongeboren kindje: al bij het allereerste telefoontje naar de verloskundige, wanneer je vertelt dat je zwanger bent, krijg je de vraag voorgelegd. En al vroeg in de zwangerschap zul je de keus moeten maken. Kies je voor de NIPT-test, of niet? Een aantal vrouwen vertellen ons waarom ze juist wel of niet de test lieten doen. Sóms blijft de twijfel bestaan.

Verloskundige Marrit van Meerlo: ‘Het is opvallend dat bij ons in de regio testen minder vaak worden afgenomen dan in de stedelijke gebieden’, vertelt Marrit van Meerlo, verloskundige bij verloskundigenpraktijk Catharina Schrader in Dokkum. ‘Dat heeft soms te maken met religieuze overwegingen, maar misschien zijn we hier in Friesland ook iets nuchterder als het gaat om de eventuele gevolgen. “Het komt zoals het komt”, zoals ik lees in een van de reacties bij dit artikel, is wat we veel horen. Toch is het goed om als aanstaande ouders na te denken en het met elkaar over de test te hebben.’

van afwijkingen dan de oude vertrouwde combinatietest. Toch kun je met een test, of met het vervolgonderzoek, de eventuele ernst niet altijd voorspellen. Alleen al wat betreft het syndroom van Down heb je zoveel verschillende gradaties. Door televisieprogramma’s zoals Down met Johnny wordt het misschien wel eens geromantiseerd. Maar een leven met een kind met een afwijking moet je niet te licht opvatten.’

Wat is de NIPT-test? ‘Als verloskundigen ondersteunen we de ouders in de besluitvorming. Samen met hen proberen we te ontdekken wat voor hen belangrijke normen en waarden zijn, hoe ze tegenover een kind met een afwijking staan, hoe het de gezinssituatie zou kunnen beïnvloeden. Want een kind met een afwijking, dat is niet niks. Bij de 20-weken echo zijn de meeste aangeboren afwijkingen wel te zien, maar niet alles is zichtbaar. Van de hartafwijkingen is bijvoorbeeld maar de helft te onderscheppen, de rest wordt niet ontdekt op de echo.’ ‘Testen worden steeds nauwkeuriger. De NIPTtest is bijvoorbeeld beter in het opsporen 46

47

Nipt stiet foar Niet-Invasieve Prenatale Test. It is in bloedûndersyk wêrmei’tst tusken de 9e en 14e wike fan dyn swangerskip ûndersykje litte kinst hoe grut de kâns is dat dyn poppe downsyndroom, edwardssyndroom of patausyndroom hat. Dêrfoar wurdt der bloed ôfnaam út dyn earm. De test kostet € 175,- en wurdt allinne fergoede ast in medyske yndikaasje foar de test hast.


De keus van de zwangeren Wian Wijma deed de test wel: ‘Dat wat we van tevoren konden weten, wilden we ook weten. Zeer zeker ook in verband met onze andere kinderen. Want wanneer wij zouden komen te overlijden, zou de zorg voor een broertje of zusje voor de andere kinderen zijn. Daarom wilden wij niet willens en wetens een kindje met een handicap op de wereld zetten.’ Ellen Kraai deed de test niet: ‘We waren er meteen over uit dat we hier niet voor zouden kiezen! Stel, het zou niet “goed” zijn, wat dan? Voor ons een onmogelijke keuze. En met het bijkomende kostenplaatje erbij was het helemáál helder. Het komt zoals het komt, het is zoals het is ...’ Amanda die de test net: ‘Wy hawwe bewust net foar de NIPT-test keazen. Dat hie foar ús gjin mearwearde. It swanger wurden gie by ús net fansels. En: wat dogge we as de útslach ferkeard is? Al gau wienen we derút. We dogge neat mei de útslach, dus we dogge de test net. We binne al fan safier kaam en ik haw gjin ferhege risiko. Sowieso woenen we – ek fanút it geloof – net “samar” in swangerskip ôfbrekke.’ Sandra Lenes-Feenstra die de test wol: ‘Ik bin no 40 jier, myn partner Rudolf is 41. Wy ha bewust keazen foar in NIPT-test, foaral yn ferbân mei ús leeftiden. Mar ik moat wol earlik bekenne dat, mocht der wat oan de hân west hawwe en de útslach fan it ferfolchûndersyk hie echt net goed west, dan wit ik net wat we dan dien hienen ... Ik tink dat it derfan ôfhinge hie wat it wie en wat de foarsizzingen west hienen. Dat binne drege dingen!’

Jitske de Jong deed de test niet: ‘Ik heb zelf jaren in de zorg gewerkt met mensen met een lichamelijke en verstandelijke beperking en mijn man heeft een tante die een verstandelijke beperking heeft. Voor ons stond meteen vast dat we geen NIPT-test zouden doen. Voor ons was het kindje sowieso welkom!’ Nynke Feenstra-Kootstra die de test net: ‘Myn man en ik hawwe der bewust foar keazen om de NIPT-test net te dwaan. Wy fine it krijen fan bern in geskink fan God. En we binne bliid mei en tankber foar al ús sân bern. Wy hawwe altyd sein: at de poppe no wol of net sûn is, it berntsje is wolkom yn ús gesin, en mocht it sa wêze dat it wat mankearret, dan rêde wy dêr wol mei. Dan is dat ús bestimming.’ Sabine de Boer-Rispens die de test wol: ‘Wy ha bewust twa kear wol foar de NIPT-test keazen. Dat omdat de broer fan de heit fan ús bern in handicap hat. Hy sit yn in rolstoel, hy is lichaamlik fergroeid en geastlik op in bepaald stuit ek ophâlden mei âlder wurden. Dêrom ha wy bewust foar de NIPT-test keazen. Net allinne om earne wis fan te wêzen, mar ek om’t wy witte hokker soarch der allegear by te sjen komt, mocht in berntsje wat mankearje.’

48

49


48 Yllustraasje: 49 Anita Jeram Út: Witst wol hoe mâl ik mei dy bin?

Yn dit ‘Witst wol hoe mâl ik mei dy bin?’–poppeboek kinst allegear oantinkens oan de earste jierren fan dyn poppe kwyt. Mei romte foar dyn eigen foto’s, notysjes en emoasjes. € 14,95


Alwer in Fries! 1

3

4

2

5 6

7 8

9

11

10

12 15 16

13

17

14

18

19

20


22

21 23

24

28 26

25

27

29 30

31

32 35

34 33

1. Jelke Terpstra, Parregea 2. Wiebe Jelle Kamminga, Bûtenpost 3. Jesper Mart Andringa, Minnertsgea 4. Sytze-Jan Reiding, Rinsumageast 5. Mirthe Machiela, Jirnsum 6. Jilles Iedema, Eanjum 7. Yinthe de Boer, Burgum 8. Grietje Tjitske Postma, Jouswier 9. Finn de Vries, Ljouwert 10. Thijs Westra, Damwâld 11. Liza de Heij, Drachten 12. Klaas-Mient de Vries, Dokkum 13. Tjidse Hendrik Ruiter, Bûtenpost 14. Mailey Nicolai, It Surhústerfean 15. Liza de Heij, Drachten 16. Ruben Renze Faber, Ljussens 17. Sverre Jorna, Wytgaard 18. Thijs Hamstra, De Lemmer

50

51

19. Anne Gelbrich Reitsma, Ferwert 20. Jorn Gietema, Wytmarsum 21. Jilles Struik, Drachten 22. Marieke Gerbrig Ykema, Parregea 23. Joop Pijnacker, Kollum 24. Doutsen Koelmans, Sint-Anne 25. Marrit Castelein, Easternijtsjerk 26. Anne Maaike Kalma, Easternijtsjerk 27. Julian Aiden Slagman, Dokkum 28. Cillian Drijfhout, Ljouwert 29. Yme Roorda, Ternaard 30. Jente Dieuwke Keuning, Berltsum 31. Mirre Veenstra, Wynjewâld 32. Dieke Visser, Wâldsein 33. Jildau van der Mark, Feanwâlden 34. Finn Luca John, Koatstertille 35. Nynke Brinksma, De Jouwer


Skriuwer: Ciska Noordmans Foto: Hippe Kiek Fotografie


Ferneamd Froukje

Grutte Froukje: berne op 23 desimber 1957 en wennet yn Twizel Lytse Froukje Frederique: berne op 16 juny 2018 en wennet yn Hurdegaryp Betsjutting Froukje: foarname frou Betsjutting Frederique: beskermer fan de frede

Froukje Schregardus: ‘Lytse Froukje is ús fjirde pake- en beppesizzer’, fertelt Froukje. ‘Us soan Arjen en skoandochter Rita brochten ús yn desimber in kaartsje mei rôze en blauwe ballonnen derop, en de tekst ‘lokwinske, pake en beppe!’. We snapten fuort dat der wer in lyts wrâldwûnderke op komst wie. De triennen rôlen ús oer de wangen. Wy wiene sa bliid. De earstberne dochter fan Arjen en Rita is nei beppe Dineke ferneamd, dat wy hiene wol ferwachte dat myn man of ik no oan bar wiene. Yn juny kaam lytse Froukje op ’e wrâld. Doe’t wy har seagen, moasten wy opnij wer gûle.’ Net allinne Froukje is grutsk op har namgenoat, de pakes binne wol twa kear sa grutsk dat de beppes ferneamd binne. Froukje: ‘Ik bin sels ferneamd nei myn tante, mar dy wie net ekstra spesjaal foar my. Dochs giet de namme al in pear generaasjes mei yn de famylje. De namme 52

53

Frederique komt fan Arjen syn âldste broer Frederik. Dy is ek fergulde mei syn ferneaming. Doe’t lytse Froukje berne waard, ha ik fuort al myn freonen op ’e hichte brocht. In protte werkenden myn gefoel fan grutskens wol. Ik fyn it moai dat in namme trochjûn wurdt yn de famylje, mar ik bin foaral ek grutsk om’t it ek in blyk fan wurdearring is. Wy ha in goeie bân mei al ús skoandochters. Dat is ek wier wat om grutsk op te wêzen. Lytse Froukje en har suske Dineke ha fan ús gouden earmbantsjes krigen mei harren namme derop, de oare twa in folle sparpot mei de namme. De namme dy’tsto krigest is wichtich, dy draachst in libben lang mei. We dogge ús bêst om ús fjouwer bernsbern faak te sjen, want wy wolle graach in goeie bân mei se opbouwe. En as wy dan beleanne wurde mei in grutte laits, in krûp of in tút, dan kin ús dei net mear stikken.’


Carolien ter Schuur

maakt baby’s slimmer

Foarlêze oan babys is net fanselssprekkend. In soad âlders tinke datst babys net foarlêze kinst ‘want se begripe dochs net watst seist, se stopje it boekje leaver yn ’e mûle’. BoekStart wol âlders stimulearje om just wol oan harren babys foar te lêzen. De publikaasje ‘BoekStart maakt baby’s slimmer’ lit net allinnich sjen dat in betide start mei foarlêzen wurket, mar ek hokker bern at dêr it meast fan profitearje.


Alders dy’t meidogge mei BoekStart en harren poppe foarlêze foar de achtste moanne, hawwe bern dy’t heech skoare op taal. Al by bern fan fyftjin moanne âld binne der positive effekten te mjitten op de wurdskat, sa docht bliken út ûndersyk fan promovenda Heleen van den Berg en heechleraar ortopedagogyk Adriana Bus fan de Universiteit Leiden. In soad âlders stelle it foarlêzen oan babys út en wachtsje sa’n twa, trije jier mei it earste foarlêsboek. Van den Berg en Bus seagen dat BoekStart dêr feroaring yn bringt. Troch BoekStart begjinne âlders earder mei foarlêzen en dat stimulearret de taalûntwikkeling fan bern. Ek blykt út it ûndersyk dat BoekStart wichtich is foar alle nije âlders. Alders fan babys dy’t faak gûle en gau yrritearre binne, stelle it foarlêzen faak út, ek al ûnderkenne se it belang

fan praten tsjin harren bern. Foaral dy groep temperamintfolle babys profitearret derfan as harren âlders meidogge mei BoekStart. De âlders fan dy bern hawwe nammentlik mear ynteresse foar BoekStart as oare âlders, om’t sy op syk binne nei tips en trúks om de daaglikse omgong mei harren bern te ferbetterjen. BoekStart is basearre op in foarbyld út Ingelân. It programma wurdt troch gemeenten útfierd, yn gearwurking mei biblioteken en konsultaasjeburo’s. Alle âlders krije fan de gemeente of it konsultaasjeburo in útnoeging om in BoekStartkofferke by de biblioteek op te heljen as de poppe trije moanne âld is. Yn it kofferke sitte twa boekjes spesjaal foar babys. Alders kinne by de biblioteken geregeld nije boekjes liene út in kolleksje fan Nederlânske en Fryske babyboekjes. En alles is gratis!

Tips en trúks Wy jouwe hjir in oantal tips en trúks foar it lêzen mei babys. Dyselde en noch mear tips fynst yn de folders yn it kofferke en by boekstart.nl. Dêr fynst ek de titels fan boekjes yn it Nederlânsk én yn it Frysk.

Lit dyn stim hearre, watst seist is eins net sa belangryk. Beneam wat der te sjen is, meitsje bypassende lûden of sjong in ferske!

Babys reagearje it earst op dúdlike swart-wyt patroanen. Gean lekker tegearre op in

Dy patroanen binne goed foar de

rêstich plakje sitten.

fisuele ûntwikkeling. In baby kin dêr

Doch radio, telefyzje en

hiel oandachtich nei sjen!

kompjûter/laptop út, dat liedt mar ôf. Soargje der ek foar datst sels noflik sitst. Hâld de

In boekje lêze jout in momint fan rêst.

baby sa, datst eachkontakt

Do kinst dyn bern sa ek even wat ekstra

meitsje kinst.

oandacht jaan as it bygelyks hingerich of siik is.

Sykje boekjes út dy’t net te drok binne. Ien plaatsje op in side is genôch. Bygelyks in bist of ding dat dyn baby út syn omjouwing ken, dúdlik ôfbylde, mei net tefolle details. 54

55

Mear witte? Sjoch op www.lezen.nl en op www.boekstart.nl om de publikaasje te downloaden of te bestellen.


Ciska Noordmans Foto: Hippe Kiek Fotografie

Yn ’e búk Renske Galama-Terwisscha van Scheltinga (31) is 23 wiken yn ferwachting as heit&mem foar it earst mei har praat.

wettertechnology. Wy fine Nij-Seelân in prachtich lân, mei in moaie natuer, mar wy misse wat de gesellichheid oanbelanget Fryslân wol. De bining mei de freonen, en de aktiviteiten dy’tsto hjir yn Fryslân dwaan kinst, dat is wol bysûnder en oars as dêr. De Nij-Seelanners binne hiel relaxt en dat nimme wy wol oer. It komt dochs faak oars as dat je pland hiene. Earst moasten we dêr wol wat oan wenne … mar go with the flow is in goed motto. Meitsje dy net te drok as it in kear oars giet as datsto wolste.

ʻ Wy meitsje ús net sa drok oer bertekaartsjes en keammerkes.ʼ ‘Wy binne trije moanne werom yn Fryslân en oer twa wiken fleane wy wer nei Nij-Seelân. Ik moat aanst nei in konferinsje yn Frankryk en it like ús beide moai ta om dy gelegenheid oan te gripen om in wat langere tiid yn Fryslân troch te bringen. Hjir is it no simmer en dêr is it yn dizze perioade waar dêr’tst wolris in dip fan krijst ... It reint dêr winters faak, krekt as hjir yn Fryslân winterdeis. Foar in protte jonge minsken is it in dream om in skoftke yn it bûtenlân te wurkjen en wy koene dy dream wiermeitsje. Ik doch myn promoasjeûndersyk oan de Universiteit fan Auckland en Oane hat wurk yn ’e

Sadwaande meitsje wy ús ek net sa drok oer dingen lykas bertekaartsjes en keammerkes. As wy weromgean, ha wy noch net in hûs. Wy hawwe dus ek noch net in keammerke ynrjochte foar de poppe. Dat komt letter wol. Yn Nij-Seelân ha se gjin kreamsoarch nei de befalling, mar wy ha der alle betrouwen yn dat dat goed komt. No’t wy noch net witte oft it in jonkje of in famke wurdt, ha wy it tegearre gauris oer de foarnamme. Yn beide famyljes is de lytse aanst net de earste pake- en beppesizzer, dus we hoege net te ferneamen. We wolle eins graach in namme dy’t maklik út te sprekken is yn alle talen, yn elk gefal yn it Ingelsk en it Frysk.’


Ut ’e búk

Op 3 jannewaris 2019 binne Renske en har man Oane heit en mem wurden fan dochter Anouska Anahera.

ʻ Ik sjoch al út nei de tiid dat se wat grutter is en wy mear ynteraksje ha sille.ʼ ‘Ik bin ien wike nei de útrekkene datum befallen yn it sikehûs fan Auckland yn Nij-Seelân. De befalling fûn ik hiel dreech en it gie net hielendal fansels, mar úteinlik is it allegear goed kommen. Ik fiel my fit en bin hiel bliid dat de búk no ‘fuort’ is. It memmegefoel groeit alle dagen en ik sjoch al út nei de tiid dat se wat grutter is en wy mear ynteraksje ha sille. Anouska is in noflike baby, echt in skatsje. Se drinkt en sliept in protte en wie fan de berte ôf al hiel alert. Oan ’e ein fan ’e middei hat se faak in pear oeren dat se wat mear gûlt en har net sa maklik deljaan kin. Yn har gesicht liket se op my. We hawwe nei de berte twa dagen yn it sikehûs west en ien dei yn in kreamklinyk. Sa dogge se dat hjir yn 56

57

Nij-Seelân. Dêr wie in protte begelieding fan kreamfersoarchsters, dy’t in soad oandacht hiene foar de boarstfieding en myn herstel. De boarstfieding kaam goed op gong en om’t dêr dei en nacht help wie as it eefkes net woe, hiene we it beide gau troch. Ik ha de kreamhelp net mist doe’t wy nei trije dagen nei hús ta giene. Myn man en ik fine Anouska in hiele moaie namme. Wy woene graach in namme dy’t maklik út te sprekken is (ek foar net-Friezen) en dy’t tagelyk net al te gongber is. Mei har twadde namme, Anahera, is se ferneamd nei beppe Angela fan memmekant, mar dan yn de Maoritaal, omdat se yn Nij-Seelân berne is. Omdat it hjir no simmer is, kinne we al gau ris eefkes nei bûten sûnder dat it foar de baby te kâld wurdt. Dat is hiel fijn. Doe’t Anouska njoggen dagen âld wie, hat se al yn ’e draachsek mei nei it strân oan ’e Pasifyske Oseaan west.’


Skriuwer: Arjanne Nijp Yllustraasjes: ‘Zeg het met de handjes’


Meer rust en minder frustratie dankzij

babygebaren

Veerle (1) zit in de kinderstoel. Ze wijst naar haar oor en kijkt naar buiten. ‘Wat hoor je?’ vraagt haar moeder, ‘hoor je de vogeltjes?’ Het meisje lacht bevestigend en brengt vervolgens haar hand naar haar mond, ze maakt het gebaar voor eten. Het is bijna een echt gesprek, dit babbeltje tussen een kind dat nog niet kan praten en haar moeder. Mogelijk gemaakt door babygebaren.

‘Het gebruiken van baby- en kindgebaren brengt echt rust’, vertelt de moeder van Veerle, Paulien Eigenraam. ‘Eerder kon ze niet zelf aangeven dat ze meer eten wilde, of ze begreep het niet als we zeiden dat de fles op was. Nu kunnen we dat met een gebaar duidelijk maken, en hoeft ze niet meer te huilen. Er is veel minder frustratie.’ Paulien kwam in aanraking met de gebaren via haar moeder, Hottie Eigenraam. Zij geeft met haar bedrijf Mijn Gebarenwereld cursussen babyen kindgebaren voor ouders. De gebaren zijn dezelfde als die gebruikt worden in de Nederlandse Gebarentaal (NGT), maar bij baby- en kindgebaren komt er geen grammatica aan te pas. ‘Kleine kinderen spreken ook in losse woordjes, en niet in hele zinnen. Daarom gebruiken we eerst alleen de gebaren van de woorden die veel in de omgeving van het kind voorkomen. Eten bijvoorbeeld, en slapen. En luier en speen.’ Door gebaren te gebruiken als ondersteuning bij wat je zegt, ziet je kindje wat je bedoelt. ‘Als ik gewoon bal zeg, kan dat van alles zijn. Maar als ik het gebaar van bal erbij maak, snapt hij dat veel eerder.’ legt Hottie uit, terwijl ze met haar handen de vorm van een bal aangeeft. Op deze manier helpen de gebaren de taalverwerving op gang te brengen. Uit onderzoek is gebleken dat kinderen die met spraak én gebaren worden grootgebracht, 58

59

als ze 18 maanden oud zijn bijna dubbel zoveel woorden kennen als hun leeftijdgenootjes die alleen woorden horen, zonder gebaren erbij. ‘Ik pas de gebaren zelfs toe bij de kinderen op de ISK (Internationale Schakelklas) waar ik werk’, vertelt Hottie. ‘Vooral bij de meer abstracte woorden als in, op en tussen helpt dat goed. En bij gevoelens als boos, verdrietig of verlegen. Die gebaren leren we vooral aan peuters, als de gevoelens aan de orde komen.’


Het is niet zo dat kinderen die gebarentaal gebruiken eerder gaan praten. Maar door de combinatie worden al wel verbindingen gelegd tussen de linker- en de rechterhersenhelft, die later bij het leren spellen en schrijven aangesproken worden. ‘Maar ik vind babygebaren vooral ook heel mooi voor de onderlinge band,’ zegt Hottie enthousiast, ‘je moet elkaar aankijken, je begrijpt elkaar beter, en kinderen kunnen veel sneller hun gedachten en gevoelens uiten. Dat stimuleert voor kinderen ook hun gevoel van eigenwaarde.’ Paulien beaamt dat. ‘Veerle kan nu al echt dingen zelf aangeven. Ik zie aan haar dat ze moe is als ze begint te gapen. Maar soms komt ze ook naar me toe en maakt het gebaar dat ze wil slapen. Als ik dat dan volg, valt ze ook zomaar in slaap. Terwijl ik haar op dat moment uit mezelf nog niet naar bed zou hebben gebracht. Maar dan heeft ze dus wel echt even haar rustmoment nodig.’ Met babygebaren kun je beginnen als je kindje 7 of 8 maanden oud is. Dan zijn de hersenen ook in staat om de gebaren te herkennen. Het kan dan nog wel een tijd duren voordat ze gebaren terug gaan maken. ‘Maar ze kunnen eerder gebaren maken dan dat ze kunnen praten. De grove motoriek, waarmee je de gebaren maakt, is eerder ontwikkeld dan de fijne motoriek, al die kleine spiertjes in en rond de mond’, legt Hottie uit.

Boudien Ettema en haar vriend Feike Jagersma uit Oudega (SWF) volgden de cursus babygebaren bij Mijn Gebarenwereld. Ze kwamen naar de cursus omdat ze het wel bij hun oudste zoon Auke (nu 2,5) vonden passen. ‘Hy is wolris wat koart foar de kop, en ik seach dat er gau frustrearre wie as dingen him net slaggen. Dan wie syn kopke al wol safier, mar syn liif noch net. En dan koe er echt lilk wurde. Ik tocht: as dat aanst mei it praten ek sa giet, dan binne dy gebaren echt in útkomst.’ In de cursus leren ouders 50 gebaren. ‘Dat is wol even wat stampwurk,’ weet Boudien, ‘mar we fernamen ek dat wy eins al best in soad gebaren brûke.’ En eenmaal thuis moeten de gebaren dan toegepast worden. ‘We binne begûn mei in pear gebaren, iten en lekker en sa. Auke makke net fuort gebaren werom, moatst it krekt as mei wurden wol faak herhelje foardat se it neidogge. En it wie ek even sykjen nei hoe’t hy in gebaar makke. Dan tocht ik dat er oan it wuiven wie, mar letter seach ik dat hy it gebaar makke dat er it lekker fûn.’ Boudien en Feike volgden de cursus in het Fries. Dat kan prima, vertelt Hottie. Speciaal Friese gebaren zijn er niet. ‘Gebarentaal is een neutrale taal. De gebaren zijn in andere talen hetzelfde als in het Nederlands, maar je gebruikt er dan je eigen taal bij.’ Boudien: ‘Eins learst der gewoan in taal by, en bringe wy ús bern dus troch de gebaren trijetalich grut.’


Te lêzen op

heitenmem.nl Poppe fan de moanne Hasto de allerleafste, moaiste en leukste poppe fan de wrâld? Upload dan in foto by ‘Poppe fan de moanne’ op heitenmem.nl. De poppe mei de measte stimmen kriget in poppe-pakket tastjoerd en komt boppedat yn de (grutte) ‘heit&mem’ te stean.

Fryske berneboeken De leden fan it Afûk-boekpanel skriuwe foar heitenmem.nl resinsjes fan Fryske berneboeken. Sjoch op heitenmem.nl en klik op ‘resinsjes Fryske berneboeken’. Dêr kinst se allegear op leeftiid en titel fine.

3

Fryske gedichten

trije

Oant de moanne en wer werom, sa wiis binne wy mei dy!

Fryske printables Spesjaal foar heiten en memmen, pjutteboartersplakken, skoallen, bernedeiferbliuwen en gastâlders stean op heitenmem.nl Frysktalige platen dy’t jimme sels útprintsje kinne. Leuk foar yn in listje of om sa op te hingjen. Wy ha platen mei alderhanne tema’s, sa as bygelyks maitiid, Peaske, bisten, sifers en memmedei. Sjoch op heitenmem.nl by ‘Fryske printables’. 60

61

Fryske bertegedichten of oare teksten foar op it bertekaartsje, routeksten, trouteksten en sels poesyalbumferskes binne te finen op heitenmem.nl. Ek kinst sokke teksten fergees troch ús neisjen litte. Mail dêrfoar nei ynfo@heitenmem.nl.

Informatie over meertaligheid Wat zijn de voordelen van meertaligheid? En zitten er ook nadelen aan? Hoe gaan mensen thuis en op school om met meertaligheid? Heitenmem.nl heeft alle vragen en antwoorden voor je op een rijtje gezet. Kijk op: www.heitenmem.nl/meertalig-opvoeden


Idske Bangma

Talige ontwikkeling! Je baby zegt misschien nog niet meer dan boe en bah en ta-da-ta. Toch is het voor zijn of haar taalontwikkeling van belang om tegen je kindje te praten. Ook als het om taal gaat, kun je als ouder het goede voorbeeld geven. Maar hoeveel verstand heb je nu eigenlijk van de taalontwikkelingsfasen van je kindje? En wat zeggen wetenschappers ervan? heit&mem zocht het voor je uit!

Stem van moeder stimuleert hersengroei van baby De hersengroei van baby’s wordt gestimuleerd door de stem van de moeder. Hoe we dat weten? Bij een experiment zongen de moeders van 20 couveusebaby’s kinderliedjes in. Vervolgens kregen de couveusebaby’s de opnames een maand lang drie uur per dag te horen. Daarna werden er hersenscans gemaakt en vergeleken met hersenscans van een controlegroep van baby’s die niet naar liedjes van de moeder hadden geluisterd. Bij couveusebaby’s die dagelijks de stem van de moeder hadden gehoord, bleek het deel in de hersenen waar geluiden worden verwerkt, relatief groot te zijn. Waarschijnlijk profiteren de baby’s daar op latere leeftijd van, bijvoorbeeld bij het leren van taal of talen, melden onderzoekers van de Harvard Medical School. (Bron: www.nu.nl) Lekker keuvelje oer deistige saken, goed foar taalûntwikkeling! Ut in Iersk ûndersyk ûnder 8000 babys docht bliken dat it goed is om tsjin dyn poppe te praten. In boekje lêze is goed foar de (taal)ûntwikkeling, mar út dat ûndersyk hat bliken dien dat praten

noch better is. Dat hoecht net in yngewikkeld petear te wêzen, je kinne gewoan lekker wat tsjin de poppe keuvelje oer deistige saken, bygelyks ûnder it dwaan fan húshâldlike putsjes. It keuveljen hat ûnder oaren foardielen foar it probleemoplossend fermogen. Dochs is praten allinne net genôch. Eardere stúdzjes hawwe al oantoand dat foarlêzen by poppen helpt by it opbouwen en fergrutsjen fan de wurdskat. En ast tegearre mei dyn poppe in boekje lêst, praatst dêr tagelyk ek oer! (Boarne: www.boekstart.nl) Sliepe nei it fertellen fan in ferhaaltsje? Dat is in goed idee! Want dan slacht dyn poppe ynformaasje better op! By in eksperimint fertelden folwoeksenen oan in groep poppen, foardat dy sliepen gienen, in ferhaaltsje wêrby’t de wanten fan in knuffel útlutsen waarden. Nei dat sliepke koe de groep poppen by wa’t dat foardien wie, sels de wanten fan de knuffel better útlûke as de groep poppen by wa’t dat net foardien wie. Dat betsjut nei alle gedachten dat dyn poppe de ynformaasje út in ferhaal better ûnthâldt as hy of sy nei it foarlêzen in knipperke docht. (Boarne: www.boekstart.nl)


Bespreken en herhalen van moeilijke woorden, goed voor de woordenschatontwikkeling! Regelmatig voorlezen is belangrijk voor de woordenschatontwikkeling van kinderen. Maar ook het herhalen en bespreken van moeilijke woorden hoort daarbij. Dit is van groot belang voor latere leesvaardigheden. Uit onderzoek van de Radboud Universiteit in Nijmegen blijkt dat wanneer kleuters op vierjarige leeftijd naar school gaan, het niveau van hun woordenschat ver uiteenloopt. Dit woordenschatniveau voorspelt hun latere begrijpend leesvaardigheid en schoolsucces. De kunst is dus om kinderen 62

63

al voor hun vierde jaar met veel verschillende woorden en begrippen in aanraking te laten komen. Prentenboeken zorgen voor een rijke taalcontext waarin jonge kinderen woorden gemakkelijk kunnen leren. Uit eerder onderzoek is al gebleken dat tweetalige kinderen vooral in de minderheidstaal voorgelezen zouden moeten worden. (Bron: www.kennislink.nl)

Wil je meer weten over taalontwikkelingsfasen, meertalig opvoeden of de voordelen van een talige ontwikkeling? Kijk op www.taalgroeimeter.nl


Tjalling de Vries

Vlekje Suzanne ligt op de arm van haar moeder en kijkt nieuwsgierig rond. Als ik binnenkom en me aan haar moeder voorstel, kijkt ze me onderzoekend aan. Ze geeft me een hartverwarmende glimlach als ik tegen haar praat. Op haar voorhoofd zie ik een grote, rode vlek. Die vlek is de reden dat ze naar me verwezen is. Na de geboorte, nu 10 weken geleden, had Suzanne een ooievaarsbeet in de nek en verder was de huid gaaf. Na een paar weken kwam er een rood vlekje boven het linkeroog, dat in de afgelopen weken snel groeide, sneller dan Suzanne zelf. Moeder vraagt zich af wat dit is en of het kwaad kan. Wat het vervelend maakt, is dat het zo opvalt en dat iedereen er opmerkingen over maakt: wat heeft ze daar? De vlek lijkt op de huid te liggen en laat zich niet wegdrukken, typisch een aardbeienvlek. Moeder kleedt Suzanne uit en ik bekijk haar helemaal. Meestal hebben kinderen maar een of twee aardbeienvlekken, soms zijn het er meer. Als er meer zijn, kan dat wijzen op een leverziekte. Dat is bij Suzanne gelukkig niet zo, ze heeft nog een klein vlekje bij de pols en verder is haar huid gaaf. Dit is dus een aardbeienvlek, een groepje bloedvaten groeit te enthousiast. Daarmee gaan ze een paar maanden door. Dan stopt

het en verdwijnt het plekje. Meestal zijn deze aardbeienvlekken na een paar jaar helemaal weg. Soms zijn ze bedreigend door de plaats waar ze zitten, bijvoorbeeld op het ooglid. Dan kunnen ze het oog afdekken. Soms groeit er een op de neus voor het neusgat. Dan móet er iets gedaan worden. Een paar jaar geleden is ontdekt dat een middel tegen hoge bloeddruk (propranolol) ervoor zorgt dat deze aardbeienvlekken verdwijnen. Voor aardbeienvlekken zoals die van Suzanne gebruiken we timoptolgel. Het is een middel dat ouderen met verhoogde oogboldruk gebruiken. De vlek van Suzanne hoeft niet te worden behandeld, maar het kan wel. Moeder en ik bespreken de voor- en nadelen van timoptol en besluiten dat we wel gaan behandelen. Ik schrijf het recept. De medische fotograaf maakt nu en de volgende keer een foto, zodat we straks het verschil goed kunnen zien. Na drie maanden komt Suzanne weer. Het vlekje is veel kleiner, moeder is er blij mee. Als anderen Suzanne nu zien, maken ze opmerkingen in de trant van dat ze er zo goed uitziet en dat ze zo’n mooi meisje is. Dat is voor iedereen hartverwarmend. 64


Ik lit dy sliepe op myn skouder, en sjong in ferske, spesjaal foar dy. Want ik wit, myn lytse poppe, dizze tiid giet hurd foarby. Dieuwke van der Meer

It nije suske

‘Tomke,’ ropt Romke, ‘der stiet wat yn ’e tún. In hiele grutte poppewein!’ ’Dat is net in poppewein, Romke,’ laket Tomke. ‘Dat is in bernewein, dêr leit Wilma yn. Myn lytse suske.’ ‘Sille wy eefkes by har sjen?’ seit Romke. ‘Goed,’ seit Tomke. Tomke kipet oer de râne. ‘Hoi Wilma.’ Romke giet op de achterpoatsjes stean. Mar hy kin Wilma net sjen. De bernewein is te heech. ‘Wolst my eefkes optille, Tomke?’ freget Romke. Tomke hâldt Romke boppe de bernewein. ‘Wat is se lyts,’ seit Romke. ‘Se hat de eagen nocht ticht.’ ‘Se leit te sliepen,’ seit Tomke. ‘No set ik dy wer op de grûn, hear Romke.’ ‘Nee,’ blaft Romke lûd, ‘ik wol noch langer sjen.’ Lytse Wilma wurdt wekker. Se docht de eagen iepen. ‘Se sjocht nei my,’ ropt Romke bliid. ‘Hoi Wilma!’ ‘Ik kin dy hast net mear hâlde,’ seit Tomke. ‘Se swaait mei de hantsjes, se wol my aaie,’ seit Romke. ‘Ik set dy del, hear,’ stint Tomke. ‘Toe Tomke, noch eefkes,’ seurt Romke. Romke docht de kop tichter nei Wilma ta. Wilma laket en grypt mei de hantsjes. Se pakt Romke by it ear beet. Se skuort der hiel fûl oan. ‘Hee Wilma, foarsichtich!’ ropt Romke. Mar Wilma lit net los. ‘Au,’ ropt Romke, ‘myn ear! Tomke, doch wat. Se lûkt myn ear derôf!’ Mar Tomke kin Romke net langer hâlde. Syn earms dogge sa sear. Romke falt op de grûn. It ear glidet út Wilma har hantsjes. ‘Au,’ gûlt Romke, ‘myn ear! Sit myn ear der noch oan, Tomke?’ ‘Ja,’ seit Tomke. Lytse Wilma begjint te gûlen. ‘Se wol dy wer in aaike jaan, Romke,’ laket Tomke. ‘Leaver net,’ seit Romke. ‘Dy Wilma is my te sterk.’

Skriuwer: Riemkje Pitstra Yllustraasje: Luuk Klazenga

Ik hâld dy in bytsje langer fêst, ik krûp dy noch wat stiver oan. Ik lês dy noch ien ferhaaltsje foar, en ik hâld dy noch eefkes by de hân.


de lytse

NR.6 2019/2020

De rinkelbel | De rammelaar

De poppe | De baby

De sobber / styk/ it sûgerke | De speen

It rinstek | Het loophek De widze | De wieg

De earrebarre | De ooievaar

It ruft | De luier

De twilling / twaling | De tweeling

De bernewein | De kinderwagen

Yn ferwachting / swier wêze | In verwachting / zwanger zijn

It famyljebêd Hoe draag ik mijn baby op de juiste manier? Fit de kreamtiid út M EI FRY S K E S L IEP FER S K E S, RY M K E S, P O P P EB O EK J E S, A P P S EN N O C H F O L L E M E A R!


Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.