Lytse heit&mem 2017

Page 18

Mei de assesoires koe ik my lekker útlibje. De earste oankeapen dy ’t ik die wiene de draadtekst ‘make my day’ boppe syn bedsje en in ‘paperbag’. Ik swar by dy sekken, omslingerjende guod, tekkentsjes, ruften, alles bewarje ik deryn en it stiet ek noch ris hartstikke leuk. De poster mei de indiaan komt fan Nynstyles. En dy beam is in groeimeter, dy komt fan Witlof for Kids. It boarterskleed op de grûn ha ik besteld by Hennes & Mauritz, it boartsjes moat noch komme, it leit der no noch foar de sier. De houten ringen wurde gymhooks neamd, en binne fan it merk Hay. Dêr kinst fanalles oanhingje. En it houtenkleanrekje ha ik ea ris wûn en is fan it merk Code 37. De wite flachjes binne makke troch frouwen yn tredde wrâldlannen en wurdt ferkocht fia www.atelier-sukha.nl. De swarte filten slinger komt fan De Houttwist út Dokkum.

Arnold en ik binne beide aardich kreatyf. Meastal kom ik mei in idee en mei- inoar wurkje wy it dan ek hielendal út ta hoe ’t wy it hawwe wolle. Under oare it houten wandrek en it nachtlampke yn de foarm fan in wolkje makken wy sels. Ik bin altyd dwaande mei stofjes en de naaimasine, dus ik meitsje ek ûnder oare dekbêdhoezen, oanklaaikessenhoezen en tekkentsjes foar Mads syn keamerke. Ut en troch mei in kleurke, al bliuwe wyt en ljochtgriis dochs echt wol myn favoriten. Mads is al in jier west en begjint no ek sa no en dan sels te boartsjes op syn keammerke. Ik fyn it moai om te sjen, dat de sliepkeamer sa in ekstra funksje krijt. Syn boartersguod leit der no ek en in part fan syn boekesamling stiet op de planke. Al bliuwt it in aardich spultsje om dizze boeken der alle kearen wer ôf te skuorren.


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.