de lytse
NR.4 2017/2018
Fryske kreamkadootsjes De earste hapkes Wat gjinien dy fertelt oer de kreamtiid M EI FRY S K E S L IEP FER S K E S, RY M K E S, P O P P EB O EK J E S, A P P S EN N O C H F O L L E M E A R!
Ik wol foar dy soargje yn dy leauwe en altyd by dy bliuwe Ik wol mei dy laitsje mei dy slûchje der foar dy wêze dyn trientsjes droegje Ik wol fan dy hâlde leaf bern fan my jou dy mar del ik beskermje dy Dieuwke van der Meer
Dyn bern sille wurde sa’tsto bist, ^
dus wes watsto wolst dat sy wurde.
Hoera! Der is in lytsen by, lokwinske! Nei njoggen moanne is it einlik safier, jim poppe is der. Fan ús earste wit ik noch dat it fielde of hearde it sa en hie er der altyd al west. Dat wol trouwens net sizze dat wy earst net bot oan de nije situaasje wenne moasten! Mar nei in skoftke kamen we yn in bepaald ritme en begriepen we inoar hieltyd better. Elke heit en mem sille dat op har eigen wize dwaan en elke heit en mem sille dêr úteinlik har wei yn fine. Mei dizze ‘Lytse heit&mem’ wolle wy jimme dêr wat by helpe. We jouwe jim bygelyks in oantal handige tips yn it artikel ‘Hoe overleef ik… it earste jier fan ús poppe’ op side 10 en dogge in boekje iepen yn it artikel ‘Wat gjinien dy fertelt oer de kreamtiid’ op side 22. It sliepen is meastentiids ek in wichtich ûnderwerp yn it begjin fan sa’n lyts libbentsje. Yn it artikel ‘Sliepe as prinsen en prinseskes’ side 58 wurdt ûnder oaren de tip jûn om fan it sliepmomint in fêst ritueel te meitsjen. En as it echt in toer wurdt mei it sliepen is ynbakerjen faaks in oplossing. Yn ‘Ynbakerje as helpmiddel’ op side 34 kinst dêr mear oer lêze. En net te ferjitten: de talige ûntwikkeling en it boekjelêzen mei de lytse pop, dêr’t je noait te betiid mei begjinne kinne. Ek dêroer jouwe we jimme graach wat mear ynformaasje. Dat allegear en noch folle mear is te finen yn dizze lytse útjefte fan heit&mem, spesjaal makke foar it Taalkado dat jim krigen hawwe. Wy winskje jim in soad lêswille ta, en fansels in moaie takomst mei jim nije gesin. En as it allegearre krekt eefkes wat tefolle wurdt en jim jimsels ôffreegje oft it allinnich by jím thús sa giet, tink dan oan dit lytse petearke fan in mem mei ‘de krystman’: Mom: I want a magical unicorn for Christmas! Santa: Be realistic. Mom: OK, I want 5 minutes to myself each day to have my coffee hot and pee in peace. Santa: What colour unicorn would you like? Groetnis! De redaksje fan heit&mem
1
ynhâld ‘de lytse’
NR.4
Taalkado Us Lytse heit&mem wurdt gratis ferspraat fia it Taalkado. It Taalkado is it kadootsje fan de provinsje Fryslân foar jonge âlden by de oanjefte fan in berte, en hat ta doel om harren te ynformearjen oer de foardielen fan it opgroeien yn in meartalige situaasje, en om it brûken fan de Fryske taal yn it bysûnder, te stimulearjen. Der wurdt wurke neffens in redaksjestatút dat boarch stiet foar de ûnôfhinklikheid fan de redaksje. De Lytse heit&mem past yn de rige fan heit&mem dat mei trije útjeften yn 2017 ferskynt, de Lytse heit&mem is hjir ien fan. It is in meartalich tydskrift en spesifyk rjochte op âlders mei jonge bern (0-2 jier) yn Fryslân.
38
12
Kolofon Redaksje-adres/ útjouwer:
Lisa Boersma Dieuwke van der Meer Carolien ter Schuur
Afûk Postbus 53 8900 AB Ljouwert www.afuk.nl e-mail: ynfo@afuk.nl / ynfo@heitenmem.nl tel.: 058 - 234 30 70
Haadredakteur:
Yllustraasjes:
Redaksje
Carolien ter Schuur
Meiwurkers:
Idske Bangma Monique Flinker Johanna Kommerie Marjorie Louwsma Arjanne Nijp Ciska Noordmans Klasina van der Werf Nynke van der Zee
Korreksje:
Ytsje Steen-Buwalda info@sekuer.nl
Fotografy:
Het Hoge Noorden www.hogenoorden.nl info@hogenoorden.nl tel.: 058 - 215 79 66
Luuk Klazenga (side 28) Natascha Stenvert (side 37) Mirjam van Houten (side 40)
Fotografie Lydia www.fotografielydia.nl info@fotografielydia.nl tel.: 06 - 25 13 58 98
Foarmjouwer:
Printwurk:
BW H ontwerpers www.bwhontwerpers.nl info@bwhontwerpers.nl tel.: 058 - 213 35 43
Senefelder Misset www.senefelder.nl info@senefelder.nl tel.: 0314 - 35 55 00
Abonnemint
Mei in abonnemint op it blêd Heit en Mem wurde jo foar € 10,- trije nûmers tastjoerd. Sjoch op www.heitenmem.nl foar mear ynformaasje. ISSN: 1878-4437 Heit en Mem kinst ek folgje fia:
Utjûn mei stipe fan de
07
58 46 04 01 Fan de redaksje 02 Kolofon 04 Natuurlijk ouderschap 07 Apps foar de lytskes! 08 Kreamkadootsjes op syn Frysk 10 Hoe overleef ik… it earste jier fan ús lytse poppe 12 De babykeamer 18 De earste hapkes: wat is it bêste momint? 21 Foarnammen 22 Wat gjinien dy fertelt oer de kreamtiid 26 Befallingsferhaal fan har en him 28 Kintsje pipermintsje 30 Poppeslok 31 Ferske 32 Babyboeken top 10 34 Ynbakerje as helpmiddel 2
3
36 Fuort mei de kommunikaasjefrustraasje 37 Bernepraatsjes 38 Meartalich grutbringe pakt goed út 41 Kollum Paul van Dijk 42 Tûzen lytse poppen 45 Kollum Marjorie Louwsma 46 Kinderopvang: een wereld in ontwikkeling 48 Poppeherinneringen 50 Alwer in Fries! 52 Ferneamd! 54 Boekstart maakt baby’s slimmer 56 Etherische oliën 58 Sliepe as prinskes en prinseskes 60 Talentún 62 Talige ontwikkeling! 64 Te lêzen op heitenmem.nl
Arjanne Nijp
Natuurlijk Ouderschap Opvoeden vanuit vertrouwen
Fiora (bijna 2) klimt op de leuning van de bank en laat zich er kraaiend van plezier vanaf vallen. Daarna eet ze wat nootjes en moerbeien uit het bakje dat op tafel staat en pakt een kopje hete thee om het aan haar moeder te geven. Drie situaties waarin de meeste ouders hun hart vasthouden of ingrijpen, zeker bij een kind van deze leeftijd. De ouders van Fiora doen dat niet. Ze kijken het rustig aan en vertrouwen erop dat het goed gaat. En het gaat goed.
Fiora’s ouders voeden hun dochter op volgens de principes van het Natuurlijk Ouderschap. ‘Wy folgje Fiora en de natoer’, legt mem Justina van Baal uit. ‘We sjogge har as in folweardich mins. Geregeld ferbaze wy ús oer wat se al wit en kin.’ Heit Rudolf vult aan: ‘Wij luisteren naar ons kind, kijken naar wat ze zelf wil en laten haar dat ook zoveel mogelijk doen.’ ‘We eten bijvoorbeeld wel op vaste tijden. Maar als ze dan niet eet, hoeft dat ook niet. En als ze later wel trek krijgt, dan krijgt ze nog wat’, zegt Rudolf. Justina: ‘Us rol as âlders is om har te begelieden, har de mooglikheden sjen te litten, sadat se har eigen keuzes meitsje kin.’ Rudolf verduidelijkt: ‘Je bent natuurlijk wel de volwassene, dus we geven haar niet helemaal de vrije keuze. Dus niet: wat wil je op je boterham? Maar we geven haar drie keuzes. En dan krijgt ze ook wat ze gekozen heeft. Zodat ze meedoet, en weet dat er naar haar geluisterd wordt.’ Een van de belangrijkste componenten van het Natuurlijk Ouderschap is de hechting. Eén of twee ouders die voor het kind zorgen, en een kleine cirkel daaromheen. ‘Dêr moat se earst fertrouwen yn hawwe, en dan doart se sels wol fierder’, zegt Justina. Ze hebben er dan ook bewust voor gekozen om allebei minder te gaan werken. En als het een keer zo uitkomt dat ze allebei tegelijk weg moeten, past Justina’s zus op Fiora. ‘Ik werk liever drie dagen, zodat ik meer tijd met 4
5
mijn kind kan doorbrengen en ze niet naar een kinderdagverblijf hoeft, dan dat ik vier of vijf dagen werk en meer geld verdien’, legt Rudolf uit. Die keuze heeft wel gevolgen. Justina: ‘Wy wenje bygelyks anty-kraak. Dat skeelt yn de fêste lesten. En wy geane net trije kear per jier op fakânsje.’
Ontwikkelingspsycholoog Gerrit Breeuwsma van de Rijksuniversiteit Groningen is bekend met het Natuurlijk Ouderschap. ‘It is in wize fan opfieden dy’t optekene is troch de Amerikaanske dokter William Sears. It idee dêrachter is dat de bern grutbrocht wurde sa’t de natoerfolken yn de rimboe fan Afrika dat ek dogge. Dat klinkt fansels hiel moai, mar wy libje net yn de rimboe. Us maatskippij is hiel oars ynrjochte. Salang as âlders it net sjogge as in ‘heilig moeten’, mar derút helje en brûke wat by harrensels past, kin it wol goed wurkje.
Om ervaringen te delen, informatie uit te wisselen en contacten met andere ouders te leggen, heeft Justina van Baal het Natuurlijk Ouderschapscafé opgericht. Iedere derde dinsdag van de maand van 9.00 tot 11.00 uur in het café van Neushoorn in Leeuwarden. Meer informatie kun je vinden door lid te worden van de besloten Facebookgroep ‘Borstvoeding, Natuurlijk Ouderschap, speelcafé Leeuwarden.’
Fiora begint intussen moe te worden. Vaste tijden waarop ze slaapt, heeft ze niet. Justina neemt haar op schoot en geeft haar de borst. ‘Ik folgje har no net hielendal, want oars soe ik no mei har op de bank lizzen gean. At se dan yn sliep falt, gean ik der wer by wei.’ Ook ’s avonds valt ze, meestal rond een uur of negen, vanzelf in slaap op een van de schapenvachtjes die er in de woonkamer en keuken liggen. Als Rudolf en Justina zelf gaan slapen, gaat Fiora mee, bij hen in bed. ‘Bij ons werkt het samen slapen heel goed. Maar er zijn ook kinderen die er onrustig van worden. Die zijn beter af in een eigen bedje, of hun eigen kamer’, legt Rudolf uit. ‘Dat hoort ook bij Natuurlijk Ouderschap. Kijken wat voor jou en je kindje werkt.’ Als je altijd je kind en haar behoeftes volgt, waar blijf je zelf dan? ‘Ik bin net minder mysels as ik mei Fiora op de trampoline stean te springen as wannear’t ik mei freondinnen yn de kroech bin. Miskien noch wol mear. Dit is in oare faze yn myn libben’, vindt Justina. En wat als ze iets doet wat jij niet wilt? ‘Dat is dan myn frustraasje. Ik nim dan even in momint om ta mysels te kommen en nei te gean wêrom’t it my frustreart. Dêrnei reagear ik pas op Fiora.’ Rudolf: ‘Ze is eigenlijk één grote spiegel, en een hele goede leerschool voor jezelf.’
Bovendien staat er volgens beide ouders ook veel tegenover. Zo is Fiora al heel zelfstandig. Rudolf legt uit: ‘We laten haar bijvoorbeeld vrij rondlopen in de tuin. Ze mag niet bij de sloot, dat weet ze, en dat doet ze ook niet. Natuurlijk kijken we wel hoe het gaat, maar we zitten er niet bovenop. Ze mag bijvoorbeeld wel zelf steentjes in de sloot gooien. En stel nou dat ze er een keer in zou kukelen, dan leert ze daar ook weer van dat ze niet te dichtbij moet komen.’ Voor buitenstaanders is dat wel eens moeilijk. Rudolf en Justina hebben allebei al meerdere malen meegemaakt dat onbekende mensen hun dochter gingen optillen of tegenhouden als ze bijvoorbeeld een trap op wilde lopen. ‘Ze willen haar dan beschermen, maar dat komt voort uit een angst. En wij laten ons niet sturen door angst, maar door vertrouwen’, zegt Rudolf. ‘Uteinlik hoopje we dat se opgroeit ta in jonge frou dy’t op harsels fertrout, har eigen keuzes makket, en wit dat dy net goed of fout binne’, besluit Justina.
APPS
Ek leuk, tegearre mei dyn lytse op de tablet boartsje. Der binne in soad apps foar
FOAR DE LY TSKES!
bern makke en fansels ek yn it Frysk. Wy jouwe jim in oersjoch fan Fryske apps dy’t geskikt binne om mei bern fan ien jier ôf te dwaan.
F O A R: I PA D E N ANDROID P R I I S: FERGEES
Boartsje mei Tomke Sjoch nei de film of lês it ferhaal foar. De app bestiet út seis Tomkeferhalen, mei moaie grutte yllustraasjes by hieltyd koarte stikjes tekst. Oan ’e ein fan it ferhaal kinst in puzel dwaan. Ek kinst derfoar kieze om it spultsje ‘sykje it plaatsje’ te dwaan. �������������������������������������������������� F O A R: A N D R O I D, IPHONE, I PA D E N I P O D TOUCH P R I I S: FERGEES
Rinze syn jierdei/ Rinze is gek op wetter/ Rinze’s AaBee/ Rinze op reis Belibje grappige aventoerkes mei Rinze de Kikkert en lear Fryske wurdsjes. ����������������������������� Lytskes De dvd ‘Lytskes’, mei ferskes dy’t animearre binne mei bylden, is in grut sukses en dêrom is dêr no ek in app fan makke! Moai om tegearre mei dyn lytse op skoat te sjen nei de bylden en te lústerjen nei de moaie ferskes. Wa wit kinne jim al gau tegearre meisjonge mei de ferskes. Yn de app sit ek noch in spultsje, wêrby’t it bern de plaatsjes nei it goeie plak slepe kin. • • • • • • • • • • • • • • 6
7
F O A R: I PA D E N ANDROID
P R I I S: Hantsjes yn ’e hichte, FERGEES Friese kinderliedjes Sykje it plaatsje op yn de trije sykplaten. Fûn? Sjoch nei it filmke mei in lietsje en doch mei! De Fryske lietsjes, fiif nije en tsien tradisjonele, wurde songen troch Janneke Brakels mei begelieding op piano troch Cor Bakker. Guon lietsjes binne geskikt foar de alderlytsten, oaren foar beukers en guon foar de leeftiid dêrtuskenyn. ••••••••••••••••••••••••••••••
Wat heart wêr? Foar bern fan sa’n twa jier ôf is der de app ‘Wat heart wêr?’, yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk. It is in spultsje wêrby’t bern foarwerpen nei it goeie plak slepe kinne. Se krije dêr hieltyd it bypassende wurd en lûd by te hearren. De bern kinne kieze út de sitewaasjes dieretún, yn de tún, op strjitte, feest en buorkerij. • • • • • • • • • • • • • • • • • • • • • • •
F O A R: I PA D E N ANDROID P R I I S: FERGEES
Kreamkadootsjes op syn Frysk Mûtske In lytse poppe regelet syn lichemstemperatuer troch waarmte ôf te jaan fia it holtsje. De poppe kin dêrtroch ek tefolle lichemswaarmte ferlieze, dêrom is it ferstannich om lytse poppen altyd in mûtske op te setten. Soargje derfoar dat it mûtske minstens oer de earen komt.Mûtske foar de lytse poppe mei de tekst ‘jonkje’, ‘famke’ of ‘lytse pop’. € 5,95
Koeser Koesen giet it lekkerst mei in hearlik sêfte Koeserknyn! Yn de kleuren rôs, blau, wyt en griis te krijen. € 9,50
Set ’m op heit! It falt foar heiten net altyd ta om dy lytse earmkes en fuotsjes troch de júste gatten yn de klean te krijen. Mei dit romperke wurdt dat wat makliker. Set ’m op heit! Do kinst it! € 9,95
Poppeboek Yn dit Witst wol hoe mâl ik mei dy bin? – poppeboek kinst allegear oantinkens kwyt oan de earste jierren fan dyn poppe. Mei romte foar dyn eigen foto’s, notysjes, gedachten en emoasjes. Der sitte ek spesjale sluven yn foar bygelyks it bertekaartsje en in hierlokje. In prachtich oantinken foar letter. € 14,95
Myn kreambesite Yn dit boekje kin de kreambesite spesjaal foar de lytse poppe in winsk efterlitte. It boekje stiet fol nijsgjirrige ynformaasje en moaie yllustraasjes. In hiel geskikt kreamkadootsje! € 7,50
Lytse griemer In protte poppen ha in grut part fan ’e dei in slabbe om, om’t se faak spuie, grieme of flybje. It is dan fansels wol sa moai, foar ast letter de foto’s weromsjochst, dat dyn lytse griemer yn alle gefallen in leuke slabbe om hie! Lykas dizze slabben dy’t mei in protte ferskate Fryske teksten te krijen binne, lykas ‘Lytse griemer’, ‘Pake syn pop’, ‘Lytse protter’, ‘Lekker ite’, ‘Leaf!’, ‘Ik heit’ en gean sa mar troch! € 6,95
Boppesteande produkten binne allegear te bestellen fia www.afuk.nl of te heljen by de Fryske boek- en kadowinkel fan de Afûk yn Ljouwert (skean tsjinoer de Aldehou). 8
9
Ciska Noordmans
Hoe overleef ik...
it earste jier fan ús lytse poppe?
Esther: ‘Als nieuwbakken moeder van onze dochter Anne Rixt ben ik op een hele nieuwe planeet beland. Hoe mooi ik het ook vind om moeder te zijn, ik moet heel erg wennen aan de veranderingen in mijn leven. Ik ging parttime werken en dat was nogal een verandering. Anne Rixt bepaalt mijn ritme en mijn vrije tijd. En van de avonden en weekenden blijft ook weinig over. Mijn vriendinnen zie ik nauwelijks meer en mijn partner is papa geworden. Waar zijn de romantische avonden gebleven?’
1. Yntuysje Faaks hasto al fernommen dat sûnt de swangerskip elkenien klearstiet mei goeie rie. Fan bemuoisuchtige (skoan)mem oant wyldfrjemde minsken yn de supermerk. It sil allinne noch mar slimmer wurde. Elkenien hat in miening oer boarstfieding, flessemolke, sliepritmes en de ûntwikkelings fan jim berntsje. Folgje dyn eigen yntuysje en doch it op dyn eigen manier! 2. In nije rol Nei trije moanne hoechst net alles op ’e rit te hawwen. Mem wurde set dyn hiele libben op ’e kop. Net allinne lichaamlik en praktysk, mar ek op dyn wurk en yn de relaasjes mei dyn partner, famylje en freonen. Nim minstens in jier de tiid om oan dyn rol as mem te wennen en derachter te kommen hoe ast dyn libben ynrjochtsje wolst meí poppe. Geduld mei dysels! 3. Oppas Ast fernimst dat de muorren op dy ôffleane, wurdt it tiid om ôfstân te nimmen fan ‘thús’ en leuke dingen bûten de doar te ûndernimmen, koartsein, wurdt it tiid foar in flinke doasis ‘me-time’. Lekker byprate mei in freondinne, út iten mei dyn partner yn in sfearfol restaurantsje, of eefkes te winkeljen. Nee dat is net egoïstysk! De soarch foar de lytse kostet in bulte enerzjy, en dêr hat dyn omjouwing faak gjin weet fan. Sykje in betroubere oppas en laad dyn batterij wer op. Klear foar in nije dei! 4. Gefoelich Ynienen kinst dy grien en giel ergerje oan jim mem dy’t alles better tinkt te witten. Of binne de freondinnen ynienen fan de ierdboaiem ferdwûn. Asto foar it earst mem bist, bringt dat ek in protte ûnsekerheden mei him mei, en in hiel frachtskip oan ferantwurdlikheidsgefoel. Bist noch sykjende, en dêrtroch reagearrest wat gefoeliger op dyn omjouwing. Dêr komt noch by dat oaren ek oan dy as mem wenne moatte. Wannear kinne sy dy belje, en hasto noch wol sin om fuort? Besykje iepen en earlik te wêzen oer de faze dêr’tst yn sitst. It is ommers mar in faze. 5. Enerzjy Hast alle memmen stopje suver alle tiid en enerzjy fan de dei yn de lytse poppe, en dêrnjonken noch it nedige yn húshâlden, wurk en relaasjes. Dyn partner hat faaks noch net iens troch hoe’n enerzjyslurper in bern wêze kin op in gewoane thúsdei. De measte memmen wolle ek ‘gewoan’ mei alles op deselde manier trochgean as foar de befalling. Mar dat kin net. Akseptearje help fan oaren en realisearje dy dat net alles yn it húshâlden op dyn manier hoecht te gebeuren. Wês leaf foar dysels. Nim genôch rêst, yt regelmjittich en sûn, en gean op ’e tiid op bêd. Ferjit foaral net yn de spegel te sjen. Lit dy ferwenne by de kapper en doch dingen dêr’tsto enerzjy fan krijste! 10
11
Dieuwke van der Meer
De babykeamer
12
13
Miriam (29), Arnold (33) en Mads (1) wenje yn Stynsgea. Noch foardat se yn ferwachting rekke fantasearde se gauris oer hoe’t it keamerke fan de lytse pop der út moast komme te sjen. Sneupe op Pinterest en ideeën op dwaan op Instagram. Hiele jûnen koe se fuortdreame by al it moais wat foarby kaam. Doe’t se yn maaie 2015 nei in lange perioade mei help fan it sikehûs einlings yn ferwachting rekke, koe se har mar útlibje.
Miriam: “Wy hawwe keazen foar in ljochte tiidleaze basis. Us hiele ynrjochting is frij ljocht en ik fûn it wichtich dat de babykamer moai oansleat by de rest fan it hûs. De âlde lariks houten flier, dy ’t al yn ’e keamer lei hawwe wy behâlden. Om de lange wite muorren dochs wat te trochbrekken ha wy derfoar keazen om in ljochtgriis lambrisering te fervjen. Op ien muorre plakten we behang, mei in skoalrút-patroan. Dy hie ik al ris op in wenbeurs sjoen en wie altyd yn ’e holle sitten bleaun. 14
15
Mei de assesoires koe ik my lekker útlibje. De earste oankeapen dy ’t ik die wiene de draadtekst ‘make my day’ boppe syn bedsje en in ‘paperbag’. Ik swar by dy sekken, omslingerjende guod, tekkentsjes, ruften, alles bewarje ik deryn en it stiet ek noch ris hartstikke leuk. De poster mei de indiaan komt fan Nynstyles. En dy beam is in groeimeter, dy komt fan Witlof for Kids. It boarterskleed op de grûn ha ik besteld by Hennes & Mauritz, it boartsjes moat noch komme, it leit der no noch foar de sier. De houten ringen wurde gymhooks neamd, en binne fan it merk Hay. Dêr kinst fanalles oanhingje. En it houtenkleanrekje ha ik ea ris wûn en is fan it merk Code 37. De wite flachjes binne makke troch frouwen yn tredde wrâldlannen en wurdt ferkocht fia www.atelier-sukha.nl. De swarte filten slinger komt fan De Houttwist út Dokkum.
Arnold en ik binne beide aardich kreatyf. Meastal kom ik mei in idee en mei- inoar wurkje wy it dan ek hielendal út ta hoe ’t wy it hawwe wolle. Under oare it houten wandrek en it nachtlampke yn de foarm fan in wolkje makken wy sels. Ik bin altyd dwaande mei stofjes en de naaimasine, dus ik meitsje ek ûnder oare dekbêdhoezen, oanklaaikessenhoezen en tekkentsjes foar Mads syn keamerke. Ut en troch mei in kleurke, al bliuwe wyt en ljochtgriis dochs echt wol myn favoriten. Mads is al in jier west en begjint no ek sa no en dan sels te boartsjes op syn keammerke. Ik fyn it moai om te sjen, dat de sliepkeamer sa in ekstra funksje krijt. Syn boartersguod leit der no ek en in part fan syn boekesamling stiet op de planke. Al bliuwt it in aardich spultsje om dizze boeken der alle kearen wer ôf te skuorren.
16
17
De earste hapkes: wat is it bĂŞste momint?
Arjanne Nijp
mei in grutte slabbe foar. Heit hat de kamera yn de oanslach, en mem stiet klear mei in fruithapke. Yn earste ynstânsje laket er ús ta, mar as it minyhapke
Arjanne Nijp
De wipstoel stiet op tafel, en poppe Alco sit deryn,
par wat fierder yn syn mûle komt, lûkt er in mâl gesicht. Is dit it goeie momint om mei fruithapkes te begjinnen?
Alco is ús âldste, en hy is op de dei ôf 4 moanne âld as er foar it earst wat purearre par krijt. Ik ha yn in boek lêzen dat it fan no ôf mei. In dei letter krijt er wer par, en de dei dêrnei opnij, dan kin er wenne oan de smaak. Mar as Alco nei fjouwer dagen noch net poept hat, wylst er oars alle dagen in ruft fol hat, lit ik it fruit mar even foar wat it is. Achterôf sjoen wie it doe foar myn gefoel dochs wat te betiid om Alco al fruit te jaan. In moanne letter begjinne we opnij, en dan giet it wol goed. Alco smult derfan: alle soarten fruit dy’t we him jouwe, mar ek grienten, geane deryn as koeke. Mar as wy krekt ús twadde jonkje Tys krigen hawwe, wol ik dochs wolris witte wat no écht it bêste momint is om te begjinnen mei hapkes. En dus gean ik op ûndersyk út. Earst mar ris sjen wat it Voedingscentrum seit: “Maakt je baby steeds smakkende geluidjes? Kijkt hij het eten uit je mond? Dan kan het tijd zijn om hiermee te beginnen. Het is belangrijk dat je kind rechtop zit en goed kan slikken. Begin met de hapjes tussen de 4 en 6 maanden: niet eerder en niet later.” Yn it groeiboekje fan it konsultaasjeburo stiet ûngefear itselde. Mar yn Facebook-groepen oer boarstfieding wurdt faak ferwiisd nei in artikel fan termfloara-terapeute De Groene Vrouw. “Bij de geboorte is de babydarm lek”, skriuwt se. Memmemolke leit neffens har yn seis moannen tiid in beskermjend laachje oer dy lekke termwand, wêrtroch’t dy stadichoan tichtgiet en him klearmakket foar de earste hapkes. 18
19
“Dit proces is fragiel. Voortijdig iets anders in je baby stoppen dan moedermelk kan het beschermlaagje beschadigen, zelfs al is het maar één keer.” En neffens har is in poppe pas nei 6 moannen fysyk by steat om te iten. Dan kin er rjochtop sitte, sels iten yn de mûle stopje en it iten ek kôgje en trochslokke. Ik lês ek it boek ‘Eten voor de Kleintjes’, fan laktaasjekundige Stefan Kleintjes. Syn teory is dat poppen dy’t altyd it boarst krije, sels bepale hoe faak en hoefolle se drinke. En dat soe mei fêst iten ek sa gean moatte. Dus net prakke en fuorje mei in leppeltsje, mar it iten yn fûstgrutte stikjes jaan en sels oppakke en yn de mûle stopje litte. Dan hawwe se sels de rezjy, en dêr krije se selsfertrouwen fan. En om’t se sels bepale hoefolle se ite, is der minder kâns op obesitas. Dat klinkt goed, mar ik wol it earst mei de jeugdarts fan ús konsultaasjeburo, Anita Waldram, oerlizze. Fan har mei ik wachtsje oant 6 moannen, mar dat hoeft net. ‘Wij volgen de lijn van het Voedingscentrum. In de periode tussen 4 en 6 maanden maken het maagdarmkanaal en het immuunsysteem een sterke ontwikkeling door. Als je dan begint met bijvoeding, helpt dat om de afweer op te bouwen. Dus bij kinderen met een verhoogd risico op voedselallergieën kan het handig zijn om op tijd te beginnen.’ It iten oanbiede yn stikjes wurdt ek wol de Rapleymetoade neamd, fertelt se. ‘Rapley is erg goed voor de smaakverkenning, en het wennen aan structuurverschillen. Maar als je het wilt doen, moet je kind wel rechtop kunnen zitten, en dat kunnen ze nog niet allemaal met 6 maanden. En sommige kinderen krijgen op deze manier eerst wel heel weinig binnen.’
De earste hapkes hielendal glêd purearje is perfoarst net nedich, fynt de jeugdarts. ‘Want dan gaan ze niet happen, maar het eten drinken.’ It argumint dat je obesitas foarkomme kinne troch in bern sels bepale te litten wat er yt, wit se ek te nuansearjen. ‘Als kinderen te zwaar worden, komt dat eerder doordat ze tussendoor veel calorierijk drinken krijgen, zoals ranja, dan doordat ze teveel eten.’ As Tys goed seis moanne is en sels yn de tafelstoel sitte kin, krijt er syn earste fruithapke. Ik lis frij grutte stikken mango foar him del. Mar se glibberje hieltyd út syn hantsjes. En om earlik te wêzen fyn ik it ek wol wat eng. Stel dat er aanst sa’n grut stik hielendal yn syn mûle stoppet? En dêr yn smoart? By eintsjebeslút prak ik de stikken mango fyn en fuorje se dochs op in leppeltsje oan Tys. En ek dat leppeltsje fynt er tige ynteressant! Hy wol it oanpakke, en dat mei fan my, want sa hâldt er dochs noch in bytsje eigen rezjy. Sa ûnbefangen as ik by Alco mei de hapkes begûn, sa goed ynformearre die ik it mei Tys. Mar úteinlik ha se beide dochs op deselde wize it iten leard, en kinne se no beide hearlik ite. Dit past blykber it bêste by ús. En sa sil it foar elkenien dochs foaral in kwestje wêze fan útsykje en ûnderfine wat it bêste past.
Boarnen: www.voedingscentrum.nl/mijn-kind-en-ik www.groenevrouw.nl/die-zes-maanden Boek: Eten voor de Kleintjes - Stefan Kleintjes
Wisto datst op www.heitenmem.nl ek Fryske foarnammen fynst, mei de betsjutting derby?
Ferneame Eartiids wie it gebrûklik om bern te ferneamen nei famyljeleden. Dêr wienen bepaalde regels foar: 1e jonkje: pake oan heitekant 2e jonkje: pake oan memmekant 3e jonkje: heit syn âldste broer 4e jonkje: mem har âldste broer 1e famke: beppe oan memmekant 2e famke: beppe oan heitekant 3e famke: mem har âldste suster 4e famke: heit syn âldste suster Populair Populaire Friese jongensnamen zijn vandaag de dag: Jesse, Daan, Hidde, Thijs, Jurre, Ruben, Jens en Jelte. Populaire Friese namen voor meisjes zijn Femke, Fenna, Lieke, Emma, Fardau, Benthe, Yfke, Anna en Eline.
De moaiste Fryske foarnammen Ast dyn bern ferneame wolst, dan bist gau klear. Mar sels in namme betinke falt net altyd ta. Yn dit boekje fynst de moaiste Fryske jonges- en famkesnammen.
€ 7,50 Fergetten nammen Understeande Fryske foarnammen binne hast útstoarn. Mar miskien is dat net altyd sûnder reden… Fryske jongesnammen: Ame, Boeije, Doên, Doyke, Eentje, Elbe, Emeka, Fake, Feberikus, Hikke, Hoaite, Holst, Holk, Hoppe, Hottum, Klien, Leintje, Limke, Luurtze, Madzen, Maije, Neensche, Oept, Pooi, Redze, Rimpt, Rogchus, Ryken, Taetze, Teetse, Wate, Wealtsje, Wijke en Wijt. Fryske famkesnammen: Bintsje, Boodske, Djoerdtje, Doedertje, Doite, Doyke, Dwotsje, Eertsje, Eertske, Eile, Entje, Etsje, Fimme, Frietske, Froatsje, Gabeske, Goossen, Guitsche, Holk, Jilkjen, Jookje, Neantske, Neensche, Neenskje, Nolke, Obtje, Oktjen, Olke, Reinschje, Rouke, Sabe, Scholtje, Semien, Setche, Sieze, Sukke, Taekeltje, Teatje, Tiege, Winkje, Wolke en Ygje. Boarne: ‘De lêste Hikke’ fan Aly van der Mark (Friese Pers Boekerij, Leeuwarden 2014 € 10,-)
20
21
Dieuwke van der Meer
Foarnammen
Idske Bangma
Wat gjinien dy fertelt oer de kreamtiid
(en watsto wol graach witte wollen hiest) 22
23
In Grutte Rôze Wolk. Teminsten ast de ferhalen hearst wannear’tst op kreambesite komst. Marruh… de earste wiken binne topsport! Is it ôfsjen. Hjir dogge wy in boekje iepen.
Bloedferlies Hasto al dy grutte kreamferbannen en ekstra grutte ‘inlegkruisjes’ ek besjoen doe’tst noch swanger wiest? Ja? En ek fuort de doaze wer tichtgoaid? Se binne wol nedich, dus sa’n kreampakket is net oerdreaun.
Switte Genôch skjinne nachthimden op foarrie? Helje mar fêst in pear ekstra út ’e winkel. Nei de befalling ha guon froulju nachts behoarlik lêst fan switten. Dat heart by it proses om de hormoanhúshâlding fan it lichem wer op peil te krijen.
Boarstfieding Njonken alle foardielen is boarstfieding ek bikkeljen en komt it op trochsettingsfermogen oan. Sels earst plasse en goed sitten gean, dan pas begjinne te foeden, oars sjit de kramp dy yn it liif en is it dreech om geduldich te bliuwen. Eefkes sûnder prikkels (tv eefkes út?) drinke litte is foar jim beiden fijn!
Spugen It ‘mondje terug’, it útspuien fan molke, heart derby. Dy molkeplakken yn ’e klean binne net allinne ferfelend, mar rûke ek noch soer. Hupsakee… mar wer in skjinne outfit út ’e kast.
Soargen Fielst in net te beskriuwen grutte leafde? En in dito ferantwurdlikheidsgefoel? Wen der mar oan… it giet noait wer fuort mar der is hiel goed mei te libjen.
Bh Oerdei en jûns in bh oan mei sûchkompressen is fanwege de lekkende boarsten best wol handich. Soms begjint de molke spontaan te streamen as de poppe gûlt. Wat in wiete kledder! Kinst weismytkompressen keapje, mar tsjintwurdich binne der ek hiele leuke kompressen dy’tst waskje kinst.
Hastich Eefkes fluch wat dwaan is passé, no komt it oan op Time Management. Bist al gau dûbeld safolle tiid kwyt as foarhinne. De earste kear nei ’t konsultaasjeburo? Pffft, wat in stress!
Ferjitachtichheid Yn de swangerskip wurdt progesteron oanmakke en dat is de oarsaak fan de ferjitachtichheid. Mar nei de befalling giet dat net dalik wer fuort. Do stiest ommers noch stiif fan de hormoanen en dyn lichem en dyn brein hawwe tiid nedich om te herstellen. Ek sliepgebrek kin in negatyf effekt ha op dyn geheugen, en watfoar âlder hat dêr no net lêst fan? Mar yn it earste jier komt it fansels wer goed, gelokkich.
Idske: ‘Ik haw my as perfeksjonista goed taret, dêr lei it net oan. Gjin swangerskipskursus of pufklup wie my te mâl, fan borstfoedingskursus oant swangerskipsyoga en fan bekkenoefeningen oant ynformaasjejûnen oer weeën en de befalling. Alle tydskriften, de gratis swangerskipsdoazen en de populêre boeken oer ‘bevallen en het ouderschap’ haw ik stikken lêzen. En ek yn myn stúdzje en yn myn wurk binne saken as bern, opfieding en ûntwikkelingsfazen gjin ûnbekende, mar dochs binne der in tal dingen dy’t ik net fan tefoaren wist. Wêrom hawwe freondinnen of skoansussen my dat net ferteld? Woe ik net lústerje of haw ik it wol lêzen, mar net opslein? Om’t ik gewoan op de rôze wolk sitte woe?’
Wurch It berntsje moat noch wenne oan jim dei- en nachtritme. De measte lytse poppen sliepe net fuort de hiele nacht troch. Dat moat wenne, om it marris sacht út te drukken. It kin slopend wêze. En ast wurch biste hast wat minder geduld, en ast hastich biste… Fielst ’m oankommen? Besykje tagelyk mei de poppe ek eefkes te sliepen. It kin no noch!
24
25
Sels op it 2e plak Dyn lytse poppe is fan de dei ôf dat er op ’e wrâld komt, numero uno. De kofje dy’tst ynskonken hast, is lij foardatst it witst. Sosjale kontakten stean (eefkes) op in leech pitsje. Pake en beppe drave ôf en oan (‘Dêr binne wy wer!’), ferjitte dy te begroetsjen en hawwe allinne each foar it nije wrâldwûnderke.
Ciska Noordmans
Befallingsferhaal
fan har & him foar, sa’n grut gesin. En ik fiel my gelokkich en kompleet. It is no klear.’
Anneke Hoe gong de befalling? ‘Ik gong der mei goeie moed yn. It wie ommers de tredde al en mei de oare twa gong it ek goed. Ik kaam oan it ynfús en kriich wee-opwekkers en it lytse popke krige elektroaden op syn holtsje plakt. De ûntsluting duorre in skoft, mar doe’t de weeën ienris op gong kamen, wie it in helske stoarm. Bytiden tocht ik: ik kin net mear. Ik wie sa bliid dat myn man der wie. Op him ha ik my fokusse. Fral doe’t de dokters seinen: “Hy moat der al gau út”, fûn ik it net noflik. Nei oardel oere wie Lieuwe op ’e wrâld. It gong hurd, te hurd hast.’ Hast it ek oars belibbe as by de earste twa? ‘Hiel oars! It wie pittiger. Ik wie skjin ynein, sis mar ‘knock out’. Dat kaam ek om’t ik parse moast sûnder weeën. It wie sok hurd wurkjen. It hat my lichaamlik, mar ek geastlik myn krêften ûntnommen. Ik moast der echt even fan bykomme.’ Hoe fiele jim jim no, ‘opnij’ as heit & mem? ‘Ik bin hiel grutsk. It komt ek net sa faak mear
Wa wiene der by de befalling? ‘Myn man Durk en ús mem (Gryt Wiersma) dizze kear ek. Dat wie sa bysûnder! Us mem en ik, wy binne twa hannen op ien búk. Sy joech fral yn it begjin in soad ôflieding. It fielde burgen, gesellich, eigen en hiel fertroud. It wie ek foar har hiel emosjoneel en letter fertelde se dat de knop wol om moast, want har dochter hat fansels ek neat oan in mem dy’t rint te snotterjen. Trochsette, wie ’t motto. Mar Durk hat my fan begjin oant ein bystien. Sûnder him koe ik it net dwaan. Hy hat my beetholden en doe’t ik opjaan woe of yn panyk wie, hat hy my delbêde. Ik hearde ek allinne syn stim, dy fan de gynekolooch ha ’k net nei lústere en ek net heard. Ik wie sa op him fokusse.’ Hoe gongen de earste dagen? ‘Om tolve oere is Lieuwe berne en om healwei fiven wiene wy alwer thús. Wy hiene fuort it hûs fol mei pakes en beppes, famylje, buorlju en de kreamsoarch. Ik wie der sa bliid mei. Wolst elkenien wol fan de trep ôf plôkje. Gelokkich brocht de kreamfersoarchster op ’e tiid rêst. De aldermoaiste mominten fûn ik dat wy wer eefkes mei ús eigen wienen. Sa moai datst alles beprate en diele kinst mei dyn eigen leafsten. Ik hie ferlet fan de waarmte fan it gesin.’
Op 8 maaie om 12.02 oere is Lieuwe Reiding berne! In prachtich popke! Syn grutske heit en mem binne Durk en Anneke Reiding-Wiersma. Lieuwe syn suske hjit Gretha (7) en syn grutte broer hjit Janco (2,5). Op 10 maaie prate heit&mem mei de ‘kersverse’ âlders.
Hoe fiele jim jim no, ‘opnij’ as heit & mem? ‘Ik bin o sa grutsk en bliid dat der wer in lytse poppe yn ’e hûs is. Ik fiel my no trijedûbeld gelok kich. Fansels wol ik ek wol in fleske jaan en sa, mar ik fyn it it moaiste as ik der lekker mei omdoedelje kin, hynderkeride, fleantúchjeboartsje en sa.’ Wa wiene der by de befalling? ‘Mei beppe derby wie sa moai as wat. Yn it begjin hawwe dy twa hiel wat oaninoar hân, mar op it lêst frege Anneke om my. Doe hat skoanmem foto’s makke.’
Durk Hoe gong de befalling? ‘It wie spannend. Anneke hie yn ’e swangerskip ferskate kearen gjin libben mear field. Wol fjouwer, fiif kear binne wy nei it sikehûs rekke en elke kear wie der gelokkich neat oan ’e hân, mar wurdst der wol ûnwis fan. Wolst it popke net ferlieze en myn frou woe ik al hielendal net kwyt. Yn de befalling gong de kondysje fan Lieuwe achterút, dan hâldst dyn hert fêst hoe’t it ôfrinne sil.’ Hast it ek oars belibbe as by de earste twa? ‘De befalling waard oer it wykein hinne tild en wy rekken wer yn ’t sikehûs. Wer net thús, dat wie wol in teloarstelling. En by de befalling fielde ik my oer en te folle. Stiest der mar wat by. Ik woe sa graach wat dwaan, mar ik koe neat oars as har beethâlde, har oansjen en sa no en dan wat te drinken helje. Mar Anneke sei dat se it net sûnder my dwaan kinnen hie. Dêr hâld ik my dan mar oan fêst. It wie gjin ‘heldendaad’ fan myn kant.’ 26
27
Hoe gongen de earste dagen? ‘Doe’t wy thúskamen mei Lieuwe, wiene de bern der al. Earst ha ik Gretha en Janco in krûp en in tút jûn en doe ha ik it mantsje binnenbrocht. It giet no sa bêst as wat mei Lieuwe. Hy drinkt en sliept goed. Wy binne sa grutsk, ek op al ús bern. Gretha woe graach in suske, mar ek no’t sy in broerke krigen hat, is se no as in twadde kreamfersoarchster foar lytse Lieuwe. Janco is sa drok as in spiker. Hy fynt it moai, mar neffens my nóch moaier dat heit no thús is.’
Kintsje pipermintsje… Tegearre boartsje mei opsisferskes is ek foar de lytsten hiel goed. Ritme, rym, melody en yntonaasje foarmje de basis fan taal. En it fergruttet de wurdskat. Hjir in oantal leuke opsisferskes om foar, ûnder en nei it iten te dwaan.
Sân en wetter Sân en wetter, wetter en sân. Skaaltsjes en fleskes, in skepke yn ’e hân. Skeppe en riere, skeppe en riere. Wat in lekkere brij! Skeppe en riere, skeppe en riere. Asjeblyft, iten foar dij!
Spatte Hantsjes op ’e tafel, Hantsjes yn ’e brij. Pets Pets Pets No sit it ek op dij!
Slûpe… Slûpe… slûpe… slûpe Dit mûske wol yn… …… syn/har nekke krûpe!
De opsisferskes komme út it boekje ‘Tomke syn earste hapkes’.
Oanwiisferske Kintsje, pipermintsje lyts noaske, read wankje, blau eachje, foarholtsje, en de top! top! top! fan de lytse kop!
Tingeling Dit is pake Dit is pake, koart en dik dit is beppe, dy breidet rikketik Dit is heit, dy is lang fan lea. Dit is mem, dy smart ús deistich brea. Dit is Jantsje, ús lytse mantsje. En de hiele famylje is …… syn (har) hantsje. [alle fingers, fan tomme oant en mei pink, bydel]
Op bêd Lampke oan Lampke út Lekker sliepe Dikke tút!
28
29
Tingeling, tingelingeling [om bar oan beide earkes lûke] Doarke iepen, doarke ticht [eachjes binne de doarkes] Trep ôfrinne [noas fan boppen nei ûnderen] Fuotfeie [ûnder noas finger hinne en wer] Deryn! [finger yn ’e mûle]
Poppeslok De kreamtiid duorret offisjeel 6 wiken.
Myn kreambesite Yn dit boekje kin de kreambesite spesjaal foar de lytse poppe in winsk efterlitte. It boekje stiet fol nijsgjirrige ynformaasje en moaie yllustraasjes. € 7,50
Kraamfeest of kraamvisite? We vroegen het aan de bezoekers van HeitenMem.nl
22% kraamfeest 78% kraamvisite
visite!? m a a r k , y p Jip
It kreamklopperke Eartiids hong op de doar fan huzen dêr’t in poppe berne wie in ‘kreamklopperke’. It wie de gewoante om de doarklopper yn wite linnen doeken te wuoljen, om sa it lûd fan de klopper te dôvjen. Foarbygongers wisten dan dat der in poppe berne wie. Letter kriich de kreamklopper in plankje, fersierd mei reade side. Wie it reade flak foar in part bedutsen mei wyt papier, dan wie it in famke en as dat net sa wie, in jonkje. Pas nei seis of acht wike gong de mem foar it earst wer nei tsjerke ta en waard de kreamklopper derwei helle. Oant dy tiid mochten skuldeaskers en belestingamtners net oan de doar komme.
Baukje Okkema:
“ Bewust eerst geen kraamvisite gehad! Heel dapper ‘nee’ gezegd op de visite. Pas later gedaan, vond ’t heerlijk!”
Sonja Rintjema:
“ Go with the flow.... Iedereen welkom. Op het kaartje stond wel de rusttijd en even bellen van tevoren.”
Tip: Ast de kreambesite op de foto setst mei de lytse pop, set dan ek it kreamkadootsje derby op de foto. Sa witst letter altyd noch watst fan wa krigen hast. De foto kinst eventueel noch yn it boekje ‘Myn kreambesite’ plakke. 30
31
Yn ’e moanneskyn, yn ’e moanneskyn Klom ik op it trepke nei it raamkezyn En do riedst it net, en do riedst it net Sa fljocht in fûgel, en sa swimt in fisk Sa docht in tûzenpoat dy’t skuonnepoetser is En dat is ien, en dat is twa En dat is dikke dikke dikke beppe Ka En dat is rjocht, en dat is krom En no draaie we it tsjiltsje noch ris om, rom bom
Babyboeken Lytse poppen fine it al gau prachtich om te boartsjen mei boekjes. Wy jouwe hjir de top 10 fan de Fryske poppeboekjes:
De natoer – fan 12 moanne ôf
€ 10,95
Druk op de knopkes en ûntdek de lûden út de natoer… Hoe klinkt bygelyks de see en watfoar lûd makket de kikkert?
Ynstruminten – fan 12 moanne ôf
€ 10,95
Stevich kartonboekje foar pjutten, mei lûden dy’t de platen ta libben bringe. Witsto hoe’t in piano klinkt? Of in gitaar?
Jentsje yn it bad – fan 18 moanne ôf
€ 8,95
Jentsje sil yn bad en fansels moatte syn knuffels en boartersguod ek mei!
Hoi, Stip! – fan 3 moanne ôf Dit lytse boekje kinst bygelyks oan de buggy hingje, foar in protte wille ûnderweis. € 7,50
BOEM! Lytse Ûle – fan 12 moanne ôf Lytse Ûle wappert mei syn wjukken, mar hy falt. Bern kinne oan de flapkes lûke en sjen wat Lytse Ûle allegear docht.
€ 9,95
top 10 € 9,95
SPLETSJ! Lytse Ko – fan 12 moanne ôf
Lytse Ko swaait mei de sturt en dan… spletsj! Bern kinne oan de flapkes lûke en sjen wat Lytse Ko docht.
Jonge bisten – fan 18 moanne ôf
€ 9,95
Yn dit kleurrike kartonboekje steane allegear jonge bisten werkenber ôfbylde yn tekeningen én foto.
Buorkerijbisten – fan 18 moanne ôf
€ 9,95
In kleurich kartonboekje mei buorkerijbisten dy’t werkenber ôfbylde binne yn tekeningen en foto.
Tomke - Lekker koese… – fan 6 moanne ôf Tomke sil op bêd. Mar wat docht er allegear foardat er lekker koese kin? En wêr soe Romke koese? € 6,50
Betterskip, Stip – fan 12 moanne ôf Earme Stip. Hy fielt him net lekker en mei net bûten boartsje. Kinne syn freontsjes him opfleurje? € 6,99
Stiloan feroaret it lêsgedrach. In bytsje âldere bern hâlde fan boekjes mei flapkes, fielboekjes, boeken mei lûden en kleurige printen. Kies boekjes fan stevich karton, want poppen binne der net sunich op. 32
33
Klasina van der Werf
Ynbakerjen as helpmiddel Sliepeleaze nachten hearre derby. Dat witte âlders foar’t se oan bern begjinne. Mar wat moatst dwaan as dyn poppe altyd gûlt, hiel ûnrêstich is en net sliepe wol? De ferpleechkundigen fan it konsultaasjeburo yn Dokkum binne grut foarstanner fan it ynbakerjen fan lytse poppen. De froulju wurkje al fyftjin jier mei dy metoade. ‘Yn de tiid dat wy dermei begûnen wie it asylsikerssintrum noch yn Dokkum. Dêr hiest te meitsjen mei ferskate kultueren dêr’t it hiel gewoan is om de poppen yn te bakerjen. Eins is it ek hiel logysk. Troch it ynbakerjen fielt it foar de poppe wer wat lykas by mem yn de búk. Dat jout
in gefoel fan feiligens’, seit Renny van der Meulen fan it konsultaasjeburo yn Dokkum. ‘De measte poppen binne de earste fjouwer moanne ûnrêstich om’t it mage-darmkanaal noch net ryp is. Dêr komt by dat guon poppen hiel prikkelgefoelich binne. En se kinne noch net bewuste bewegingen meitsje. Dêrtroch maaie se mei hantsjes en fuotsjes en wurde se ûnrêstich. Ynbakerjen is net de oplossing, mar in goed helpmiddel.’
Regelmaat Neist ynbakerjen is ek regelmaat hiel belangryk foar de poppe. Neffens Renny van der Meulen duorret it in pear dagen foar’t âlders ferskil sjogge nei it ynbakerjen. ‘Se moatte dus geduld hawwe, mar foaral ek fertrouwen. Guon âlders sizze fuortendaliks dat it neat wurdt. Dan kinst wol ophâlde. Foaral heiten fine it skande dat harren poppe sa strak ynpakt wurdt. Dat liket earst ek frjemd. Mar asto in bern treaste wolst, hâldst it ek lekker stiif tsjin dy oan.’ Alders moatte net frjemd opsjen as it nei in pear dagen wer wat minder giet. De poppen binne dan goed útrêsten en fersette har. Dan is it wichtich om dochs troch te setten. ‘It is ús taak om âlders te motivearjen en harren derfan te oertsjûgjen dat ynbakerjen de poppe in gefoel fan burgen-wêzen jout. Troch it ynbakerjen krije âlders meastentiids in tefreden poppe en dat wol dochs elkenien?’ Ynbakerdoek Ynbakerjen mei neffens ferpleechkundige Jelma Holwerda net altyd. ‘Wy kontrolearje earst oft der ek in lichaamlike oarsaak is. Foar âlders is it faak al in hiele gerêststelling as dat net it gefal is. Ynbakerjen bart tsjintwurdich mei in kant-enkleare doek; rôversguod op Marktplaats. Sa’n doek is spesjaal makke foar it ynbakerjen en troch it klittebân maklik yn gebrûk. Té strak ynpakke is net goed’, warskôget Jelma. ‘Lytse poppen moatte de waarmte wol goed kwyt kinne. Dêrom riede wy ynbakerjen by koarts en nei in yninting ôf.’ Ôfbouwe Fierder moatte âlders goed yn ’e gaten hâlde dat it berntsje net sels omrôlje kin. As se dat dogge, wurdt it tiid om ôf te bouwen, oars is it ynbakerjen te gefaarlik. Esther en Meindert Dijkstra út Dokkum binne al begûn mei it ôfbouwen en tinke no: wiene wy der mar nea oan begûn. Harren soan Mika (seis moanne âld) hat refluks en is hiel ûnrêstich. Esther: ‘Door het inbakeren werd hij wel iets rustiger, maar nu we proberen af te bouwen begint hij bij het in slaap vallen weer meer te huilen. Hij was helemaal gewend om vast te zitten. Nu heeft hij zijn handen weer vrij en haalt 34
35
hij zijn speen steeds uit zijn mond. Daardoor is hij wel tien keer per nacht wakker. Op een gegeven moment weet je niet meer wat je moet doen. Volgens de kinderarts heeft Mika te veel lucht in zijn darmpjes. ’s Nachts heeft hij daar het meest last van. Gelukkig krijgen we af en toe hulp van mijn moeder, anders is dit niet vol te houden.’ Utkomst Foar Oetsen en Durkje de Beer fan Burdaard is it ynbakerjen in útkomst. Sy binne sûnt trije en in heale moanne heit en mem fan in twilling, Anna en Rinse. ‘It is drok, twa lytse poppen, mar wy witte net better’, seit Durkje. ‘Fan it begjin ôf wie dúdlik dat Rinse in ûnrêstige poppe wie. Hy wie oerstjoer, gûlde lûd, waard wurch, woe net drinke en net sliepe. Dan komst yn in negative spiraal.’ ‘Renny fan it konsultaasjeburo frege hoe’t wy tsjinoer ynbakerjen stiene. Ik hie dêr wolris wat fan heard en tocht: as it helpt, dan graach. En it holp drekt. Rinse sliepte sels better as Anna. Dus tochten wy, dan moatte wy Anna ek mar ynbakerje. It like earst wol wat begrutlik, se sieten sa strak ynpakt en dat lytse kopke stuts der krekt boppe-út. “Us rupskes”, seinen wy tsjininoar. It gie sa goed dat wy nei in skoftke tochten, wy kinne it ynbakerjen wol wer ôfbouwe. Mar doe waarden se nachts wer folle faker wekker as earst. Myn man sei: “We bakerje se wer yn”, want wy krigen allegearre fierstente min sliep. Dy nachts wie it foar it earst dat se in hiele nacht trochsliepten. En wy dus ek. Wy skrokken moarns wekker. Libje se noch wol, wie it earste wat my troch de holle skeat. Sûnt dy nacht sliepe we better en binne we alle fjouwer folle fleuriger.’ Sjoch foar mear ynformaasje: www.inbakeren.nl
Dieuwke van der Meer
Fuort mei de kommunikaasjefrustraasje
Gebaren met je baby Bern begjinne meastal mei sa’n oardel jier te praten. It docht bliken dat in baby fan seis moanne en âlder al mear begripe kin en him better uterje kin as dat men lang tocht. Mei gebaretaal kinst al mei dyn poppe ‘prate’ foardat hy mei wurdsjes begjint, en dyn baby kin op dy manier ek dingen mei dy diele, lykas wat hy allegear sjocht en meimakket! De gebaren binne itselde as by de gebaretaal foar dôven.
heit
Gebaretaal by poppen hat in protte foardielen: •
•
•
•
• •
It is geselliger yn ’e hûs: babys en pjutten hawwe minder lêst fan driftbuien at de âlden se begripe. Omdat se harren better uterje kinne, is der minder frustraasje; Bern leare earder te praten; trochdat se earder ferbannen lizze tusken wurden, gebaren en kontekst. De wurdskat fan bern wurdt grutter as der mear manieren binne om har te uterjen; Boartsjendewei dyn bern kennen leare: bern jouwe mei gebaretaal net allinne oan wat se nedich hawwe, mar meitsje ek harren ynteresses kenber; Bern dy’t gebaren brûke, kinne ek kommunisearje mei dôve minsken. En it is foaral hiel leuk! (ek foar heit en mem!)
Sjoch foar mear ynformaasje op www.gebarenwille.nl of lear de gebaren fia www.facebook.nl/hetgebaarvandedag
BERNEPRAATSJES Hat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei ynfo@heitenmem.nl.
Julia (5) wit krekt hoe’t it sit. ‘Jongens worden geboren uit heities en meisjes worden geboren uit memmies.’
De pake en beppe fan Jente Boek (5) sille trouwe. Jente: ‘Krije sy no ek in poppe?’ (Pake is 75 en beppe 65 jier)
Tije (5): ‘Mem, wanneer wordt Lars gedipt?’ (gedoopt)
Britt (6) leit op in jûn even mei har holle op mem har búk. Dan seit se: ‘Mem har búk liket wol in wetterbêd.’
Amarins (2) leit in hân op mem har boarst en freget: ‘Dêr sit in baby yn, hè mem?’
Toen ik zwanger was van de tweede, sprong mijn neefje boven op me, waarop onze dochter riep: ‘Tink derom, sa komme der krassen op ’e baby!’
36
37
Patrick (6) bestudearret oandachtich de 12-wiken-echofoto fan syn tante en seit dan: ‘Ik sjoch it al. It wurdt in jonkje, want de baby hat gjin hier!’
Klasina van der Werf
Meartalich grutbringe pakt goed út Hotske en Stephan Jagersma út Aldegea (SWF) fiede harren bern Fardau (13), Indira (5) en Vayinda (3) meartalich op. Hotske praat Frysk mei se, Stephan Dútsk en Nederlânsk, en trochdat se – no al foar de twadde kear – tydlik in bûtenlânske studint yn ’e hûs ha, leare de bern ek noch in bytsje Frânsk en Ingelsk.
Hotske is hikke en tein yn Aldegea. Stephan komt út West-Berlyn, mar fûn de stêd te drok. Hy socht wurk yn Europa en belâne yn de Achterhoek. Dêr rûn hy Hotske tsjin it liif. Sy wie dêr mei in freondinne oan it kampearjen. ‘It wie leafde op it earste gesicht’, seit Hotske. Stephan hie it Nederlânsk doe krekt in bytsje ûnder de knibbel en krige der fuort in nije taal by: Frysk. ‘Ik bin fan hûs út Frysk en fyn myn taal te moai om ôf te skaffen. Stephan hie de kar: óf hy learde de taal te ferstean, óf hy waard hiel iensum’, laket se. Hotske har dochter Fardau wie fjouwer jier doe’t Stephan yn harren libben kaam. Yn it begjin wie it in syktocht nei it brûken fan de talen en hellen se alles trochelkoar. Se krigen sels op ’e kop fan de juf fan Fardau. Stephan: ‘We hadden een Sesamstraat-cd in het Duits, met het alfabet erop. Fardau kende daardoor de letters beter in het Duits dan in het Nederlands.’ Dat wie foar Hotske en Stephan it momint dat se seinen: wy moatte de talen dúdlik ôfbeakenje. No praat Hotske Frysk en Stephan Nederlânsk. Op dagen dat Stephan allinnich mei de bern thús is, praat hy ek Dútsk. ‘Ik vraag bijvoorbeeld wat ze willen drinken: melk of Milch. En ik lees elke avond uit een Duits boekje voor. Op deze manier kunnen ze de Duitse taal ook verstaan en dat is heel handig voor als oma op bezoek komt. De jongste zei laatst voor de telefoon al tegen oma: ‘Ich liebe dich’ en ‘Gute Nacht’.’ 38
39
De bern kinne no goed skeakelje. Mei heit prate se Nederlânsk en mei mem Frysk. ‘Ik moet er soms wel voor waken dat ik zelf niet van taal wissel in een zin. Dan zeg ik bijvoorbeeld: ‘Zal ik even een ‘stukje bôle’ voor je klaarmaken?’’ laket Stephan. Fardau is no 13 jier en by har is it goed útpakt mei de talen. Hotske: ‘Sy kin ek goed Ingelsk. Dat komt om’t wy twa jier lyn in studint út Tailân yn ’e hûs hiene, dêr’t wy Ingelsk mei praten. No wennet der in studint út België (Wallonië) by ús, Nolwen. Sy praat Frânsk, mar hjir yn ’e hûs prate wy Nederlânsk mei har, want sy wol ús taal graach leare. Wy fine it wichtich om op dizze wize ús bern oare kultueren mei te jaan. En wy leare der sels ek in hiel soad fan. Bygelyks oer ús eigen kultuer. Wy bliuwe no mei Nolwen stean by de tulpefjilden en de mûnen. Dan tink ik: wat wenje wy hjir prachtich!’
Elke simmer kriget de famylje Jagersma noch in oare gast oer de flier: Michelle út East-Dútslân. Fia Europa Kinderhulp biedt de húshâlding sa in fakânsjeplak oan foar dat famke, dat it thús net sa rom hat. Michelle en Fardau ferskille seis dagen en it klikte fan it earste momint ôf tusken dy twa. Stephan: ‘Ze verblijft hier elke zomer drie weken en in die tijd krijgt Fardau een spoedcursus Duits. Fries en Duits lijken grammaticaal veel op elkaar, dus ze leert het snel.’ Om’t Indira en Vayinda noch lyts binne, hâlde Hotske en Stephan it foar harren earst by twa talen: Frysk en Nederlânsk. Oars helje se alles trochinoar. En as se boartsje? ‘Dan prate se Goois. Mei sa’n rôljende ‘r’.’
Wolsto mear lêze oer meartalich grutbringen? www.heitenmem.nl/meertalig-opvoeden www.tomke.nl www.taalgroeimeter.nl
SOCHT: âlders foar it heit&mem-panel Wêrom wolle guon bern út Frysktalige húshâldingen gjin Frysk prate? Wêrom brûkt in Frysktalich bern wol Nederlânsk yn it rollespul, mar wurdt dat oarsom net dien? Hoelang brûkt in bern ferskillende talen trochinoar? Om ynsjoch te krijen yn dat soarte fan fragen hawwe heit&mem en Sintrum Frysktalige Berne-opfang it heit&mem-panel opsetten. Ast meidochst oan it panel krigest in pear kear jiers in fragelist oer de taalûntwikkeling fan jim bern. Of it fersyk om edukatyf materiaal út te probearjen. Mar kinst fansels ek dyn eigen fragen ynbringe. Wolsto ek meidwaan? Jou dy op fia ynfo@heitenmem.nl ûnder fermelding fan heit&mem-panel.
Paul van Dijk
Lêste ynstruksjes (foar takomstige heiten) Ik herinnerje my noch dat ik midden yn ’e nacht wekker waard. It moat krekt nei de befalling west hawwe, dat ik myn frou yn pure panyk wekker makke en frege wêr’t er wie. ‘Wêr is Hidde?’ ‘Dy leit dêr’, suchte myn frou. ‘Der is neat oan ’e hân. Gean. Sliepen.’ Meastal rûn ik dan hiel foarsichtich nei de widze, dy’t by ús op ’e keamer stie, en seach ik even koart oer de râne oft de baby der noch wol wie. Myn frou hie gelyk, hy lei der stil en feilich by. In pear wiken letter waard ik wer midden yn ’e nacht wekker. Diskear tocht ik dat ús soan noch by ús yn bêd lei en dat ik boppe op him lizzen gien wie. Wat? Us baby sa plat as in pankoek! Pfff. It wie gelokkich net sa, mar ik begûn sterk oan mysels te twifeljen. Wat wie der mei my oan ’e hân? Achterôf tink ik dat myn ûnderbewuste op dat stuit dwaande wie om der oan te wennen dat ik heit wurden wie. Logysk. Want litte we earlik wêze, mannen, heit wurde is net sa dreech. Njoggen moanne, of wat koarter, sit in berntsje yn ’e búk fan de frou, en wy hawwe der gjin weet fan hoe’t dat fielt. Nei lang wachtsjen wurde we dan heit. En dan begjint it gekloai mei pampers, it slieptekoart, de besites fan freonen en famylje dêr’t mar gjin ein oan komt, it foarlêzen, it gûlen, it sjongen fan ferskes dêr’tst de teksten allang fan ferjitten wiest, ensfh. Pas dan komme we der achter wat dat heit wêzen allegear wol net ynhâldt. 40
41
Der bart ek noch wat oars. Hiel stadich begjinne wy te beseffen dat ús libben net mear hielendal fan ússels is. We hawwe de soarch oer in oar derby krigen en fan ’e frije tiid bliuwt net in soad oer. De âlde ik fan in soad heiten kin dat mar min sette. Dy wol fuort op ’e racefyts of te fuotbaljen, optrede mei de band of him ferstopje yn in boek. Dy âlde ik is benaud om der hielendal yn op te gean, benaud om himsels kwyt te reitsjen. Foar dy heiten sis ik dit: it komt goed. Ferskûlje jimme net. Meitsje alles mei. De Flaming Willem Vermandere hat dêr in moai ferske oer, it hjit ‘vaders’.
vader moet nog zoveel leren kom pak dat kind maar op uw schoot wiegt het zachtjes in uw armen voor da’j’ ’t weet is ’t kindje groot
Vermandere hat gelyk. Hjir binne myn lêste ynstruksjes: Meitsje tiid foar dyn bern, wês grutsk, wês dysels, wês dúdlik, wês grappich. wês leaf, en it belangrykste fan alles: lear him of har kennen, want dyn berntsje is it belangrykste dat dy tafertroud is. www.paulvandijk.frl
Johanna Krommerie
Tรปzen lytse poppen
De lytse Gwen Rosa Catharina waard op 2 septimber 2016 thús yn Dokkum berne ûnder begelieding fan kreamheinster Marjanna Veenstra út Dokkum. Foar Marjanna wie it de tûzenste poppe dy’t ûnder har begelieding berne waard. Elke berte is fansels in wûnder, mar de berte fan de lytse Gwen waard sa noch in bytsje feestliker. Marjanna Veenstra hat fan alle berten dy’t sy begeliede in lyts ferslach skreaun yn in skriftsje. Dêrmei liket sy wol in bytsje op de nammejouster fan de ferloskundigepraktyk dêr’t se wurket: Catharina Schrader.
Catharina Schrader (1656-1746) wie, krekt as Marjanna, froedfrou yn de omkriten fan Dokkum. Schrader skreau ek oer alle berten in ferslach. It notysjeboek mei de beskriuwingen fan Catharina Schrader wurdt sjoen as ien fan de wichtichste histoaryske en medyske boekwurken fan dy tiid at it giet om ferloskunde.
Sikehûs of thús ‘Ik skriuw nei elke berte de namme fan de poppe op, oft de poppe thús of yn it sikehûs berne is en oft der noch bysûnderheden wiene. Sa haw ik wolris meimakke dat ik by it ferkearde hûs wie, midden yn de nacht. Doe wie ik úteinlik noch mar krekt op tiid! Dat skriuw ik dan op, mar ik meitsje gjin hiele lange ferhalen. Ik fyn it wol leuk om by te hâlden hoefolle berten ik thús, en hoefolle berten ik yn it sikehûs begelieden haw’, fertelt Marjanna. ‘En it skriuwen is foar my faak ek even in momintsje fan rêst nei in berte.’ De tûzen berten dy’t Marjanna begelieden hat binne yn de ferloskunde op harsels net iens sa’n ‘hot item’. ‘Kollega Janke de Vries hat bygelyks al by mear as twatûzen berten west. Mar net elkenien hâldt alle berten yn in skriftsje by.’ < Mem Afke Feddema (l) en Marjanna Veenstra (r). 42
43
Marjanna begûn mei de oplieding ferloskunde neidat de hûsdokter fan it doarp dêr’t sy wenne har meinaam hie nei in befalling. ‘Dy man hie in passy foar de bertesoarch. Ik wist wol dat ik wat yn de soarch dwaan woe, mar wat, dat wist ik noch net krekt. Nei dy earste berte, by myn skoaljuf fan froeger, wie ik om. Dêrnei haw ik in oplieding fan fiif jier yn Limburch dien. Yn Dokkum learde ik de praktyk fan kollega Janke.’ Lyts hummeltsje op jins boarst Marjanna hat sels twa bern. ‘In protte minsken tinke dat jo neidat jo sels bern krigen hawwe in bettere ferloskundige wurde, mar dat is net wier. It ienige wat oars wurdt is dat je witte wat der op in kreamfrou ôf komt. Je witte dan ek wat it is at sa’n lyts hummeltsje op jins boarst lein wurdt.’
It moaie oan it fak fynt Marjanna dat sy hiel ticht by minsken komme mei. ‘Boppedat wurkje ik wol yn de soarch, mar krij ik foaral mei sûne minsken te meitsjen.’ Ek it ûnferwachte fan in befalling is eat wat Marjanna hiel moai fynt. ‘Je witte noait hoe’t in befalling ferrinne sil. Ik kin my noch altiten ferwûnderje oer de berte fan in berntsje. Dan tink ik wolris: ferhip, der komt gewoan in poppe oan! Je krije spitich genôch ek wolris te meitsjen mei fertriet. At in poppe it net hellet bygelyks, dan binne wy as kollega’s ek allegear fan slach.’ De tûzenste poppe Mem Afke Feddema wie mar wat bliid dat Marjanna op 2 septimber de jûns om 21.40 oere foar de doar stie. ‘Marjanna hat ek by de berte fan myn earste west. Marjanna is hiel dúdlik, en dêr mei ik wol oer.’ Neidat Marjanna it hûs ynstapte, is earst it kreambêd noch yninoar setten, en in goed oere letter wie de lytse Gwen der al. ‘It moast allegear noch hurd, hurd, hurd, mar we hawwe it klearspile’, seit Marjanna. Marjanna die Gwen dêrnei in lyts mûtske op mei it getal 1000 derop. ‘Dochs wol hiel spesjaal’, fûn Afke.
‘ Ik kin my noch altyd ferwûnderje oer de berte fan in poppe.’
De berte doe Yn de 17e iuw gie it der fansels hiel oars om en ta as no. Yn it notysjeboek fan Catharina Schrader falt dan ek faak te lêzen dat in berte net goed ôfrûn: 1739 vrijdag 22 mey gehalt bij Henderick Teyrtz coopman sijn wij[f] Aabeltie Vockeda. Haar verlost van 2 kinders. Het erste en grottste qwam doodt, het twede teer een levede. Het eerste een soon[n], het twede een dochter En levede doch seer teeder. Levede neegen daagen. Schrader beskreau ek hoe’t sy tocht oer bepaalde saken: 1743 den 20 augustus gehalt bij frrauw Moy haar dochter Gryt. En haar een onecht kint gehalt hetwelck sij hade van de knecht van mijnheer Koninck, so sij seyde. O onbedachte. Gelokkich wienen der ek berten mei in goede ôfrin: 1739 den 24 merrt dingesdagsnachtes bij de hopman en brouwer Rense Henringa sijn vrou Sipie. Haar een dicke vette soon g[ehaald]. Boarne: Catharina Schrader, Memoryboeck van de vrouwens, Het notitieboek van een Friese vroedvrouw 1693-1745 (ed. M.J. van Lieburg). Rodopi, Amsterdam 1984
Marjorie Louwsma
Overweldigend Sinds gisteravond 23.25 uur ben ik moeder. Sinds gisteravond heb ik een dochter en ze is het allermooiste meisje wat ik ooit heb gezien. Hoewel ik negen maanden de tijd heb gehad om aan het idee te wennen, is het nog steeds onwerkelijk en een wonder dat dit mensje in mijn buik zat. Ik ben ontzettend trots op mezelf. Dit mensje heb ik zelf gemaakt, van twee kleine cellen tot een volwaardig baby’tje. En dat baby’tje heb ik zelf, op eigen kracht, op de wereld gezet. Dat heb ik toch maar even mooi gedaan. De hele nacht in het ziekenhuis lig ik wakker. Ik kijk naar het kleine mensje in het wiegje naast me. Ze ligt zo tevreden te slapen dat het lijkt alsof ze nooit anders gedaan heeft. Vanaf nu zijn we met z’n drieën en eigenlijk hoef ik daar helemaal niet aan te wennen. Ze hoort bij ons, dit is onze prachtige dochter Kayleigh. Mijn echt roze wolk duurt echter niet lang, hoogstens een paar dagen. Daarna begint de twijfel toe te slaan. Doe ik het wel goed? Hoe weet je nou of je het écht goed doet? Al snel krijg ik een tip: ‘Als jij denkt dat het goed is, dan is het ook goed. Vertrouw maar op je gevoel.’ Maar als kersverse moeder vind ik dat lastig te accepteren. Ik heb liever een boekje met duidelijke richtlijnen en concrete adviezen. Want je gevoel is toch ook niet altijd juist? En wat weet ik nou als jonge moeder? Toch probeer ik op mijn gevoel te ver trouwen. Gelukkig is Kayleigh over het algemeen een tevreden baby, wat ik zie als bevestiging dat ik wel degelijk goede dingen doe. Maar de zorg voor Kayleigh is soms overweldigend en begint mijn leven te 44
45
beheersen. Gedurende de dag ben ik alleen maar bezig met voeden, luiers verschonen, speelgoed pakken, badje klaarmaken, enzovoorts. Als Kayleigh eventjes ligt te slapen, ruim ik alle spulletjes weer op. Maar vaak heb ik het dan in korte tijd weer nodig. Eigenlijk loop ik de hele dag achter de feiten aan en ben ik een groot gedeelte van de dag bezig met het pakken en terug leggen van dezelfde spullen. Om iets van een dagelijkse routine te handhaven, probeer ik alles zo veel mogelijk in blokken van drie uur in te delen, want om de drie uur is het tijd voor een voeding. Dan krijgt Kayleigh ook meteen een schone luier en is het tijd om even te knuffelen. En dan hoop ik dat ze snel in slaap valt, zodat ik iets aan het huishouden kan doen. De berg met afwas op het aanrecht groeit en er moet nodig weer gestofzuigd worden. Daarnaast puilt de wasmand uit en kan de voorraadkast ook wel weer eens aangevuld worden. Je snapt mijn punt wel; er moeten nog een heleboel dingen afgewerkt worden op de to do-list voordat ik écht rustig met mijn beentjes omhoog kan zitten. Met kleine kinderen is het leven nou eenmaal wat chaotischer, bij ons is dat alleen net iets beter te zien. Als ik ’s avonds met mijn vriend en Kayleigh op de bank zit, werp ik nog een blik op het volle aanrecht. Het zal me eigenlijk ook allemaal een worst zijn. We zijn gelukkig zo met z’n drietjes en dat is het belangrijkste. Ontzettend gelukkig, met een megabult afwas én een uitpuilende wasmand.
Monique Flinker
Kinderopvang: een wereld in ontwikkeling Het is heerlijk om die eerste maanden volop te genieten van jullie kleine. Maar er komt een moment dat het verlof afloopt en het werk weer roept. Veel ouders kiezen er dan voor om hun kind enkele dagen per week naar de kinderopvang te brengen. Maar daar is veel veranderd en ook de komende periode staat er veel te gebeuren.
Harmonisatie. Een ambtelijk woord waar minister Lodewijk Asscher de mond vol van heeft. Waar komt dat nu eigenlijk op neer? Het onderscheid tussen kinderopvang en de peuterspeelzaal verdwijnt. Alles wordt ondergebracht in één organisatie. De voordelen? Minder wisselingen voor kinderen. En een beter inzicht in de ontwikkeling van de kleintjes. Sinne kinderopvang in Leeuwarden is een van de organisaties die deze verandering al heeft doorgevoerd. Bijkomend voordeel is dat alle medewerkers op dezelfde manier geschoold zijn, vertelt stafmedewerker pedagogiek Ellis van der Meulen. ‘Ze werken dus ook allemaal op dezelfde manier, en dat is prettig voor de kinderen.’ Doordat het onderscheid tussen voorschoolse kinderopvang en de peuterspeelzaal wegvalt, zijn er ook minder overgangen. ‘We volgen het kind van 0 tot 4 jaar. Als een kind naar groep 1 gaat, geven we de basisschool ook informatie door. Zo krijgt het kind in de kleutergroep de begeleiding die bij hem past’, vertelt Van der Meulen. Het is beslist nodig dat wij kinderen stimuleren in hun ontwikkeling, denkt ze. Want wanneer
kinderen met een achterstand aan de basisschool beginnen, wordt die bijna nooit meer ingehaald. ‘De kans is zelfs groot dat het alleen maar erger wordt.’ Vroeger was de gedachte dat het leren begon bij kinderen tussen de vier en de zes jaar. ‘Maar op twee- of driejarige leeftijd gebeurt er al ontzettend veel in de ontwikkeling van kinderen. Daar spelen wij op in.’ Juist daarom is het goed dat kinderen met en zonder taalachterstand gemixt worden. ‘Wanneer je een aparte groep hebt voor kinderen met een achterstand, kunnen ze elkaar ook nooit versterken. Daarom letten wij hier extra op.’ Door de scholing van de medewerkers van de opvang kunnen ze daar ook gericht mee aan de slag. ‘Het is meer dan alleen knutselen, spelen en liedjes zingen. We werken al vanaf de jongste leeftijdsgroepen met methodes en thema’s. Bij alle kinderen van de dagopvang en speelleergroepen werken wij bijvoorbeeld met Uk & Puk.’ Je ziet op elke groep materialen, boeken en spelactiviteiten rond een thema. Die thema’s passen bij de belevingswereld van jonge kinderen. ‘Bijvoorbeeld ‘Regen’, ‘Knuffels’,
Foto: Sinne kinderopvang
Kinderopvang in de wet ‘Ik& mijn familie’ of ‘Eet smakelijk!’ Ouders krijgen foto’s in de speciale ouder-app.’ Die ontwikkeling merken ouders zeer zeker op, vertelt Van der Meulen. ‘Wij hebben hier ouders die al drie kinderen op de opvang hebben gehad. Zij zien duidelijk verschil. Pedagogisch medewerkers zijn beter geschoold en er zijn meer activiteiten voor de ontwikkeling van een kind.’ Een andere ontwikkeling is het ontstaan van IKC (Integrale Kindcentra). Dit is een samenwerking waarbij basisschool, kinderopvang en soms nog een andere welzijnsorganisatie onder één dak zitten. ‘Op die manier heeft de school één samenwerkingspartner. Dat overlegt heel makkelijk. Bovendien komen kinderen van jongs af aan op dezelfde plek, dus daar raken ze mee vertrouwd.’ Dan is er nog het verhaal van de financiering. Ouders krijgen nu nog kinderopvangtoeslag, afhankelijk van hun inkomen. De regering wil daar vanaf 2018 verandering in brengen: dan zou de toeslag regelrecht naar de kinderopvang gaan. Dit moet fraude voorkomen en de financiering makkelijker maken voor ouders. De kinderopvangorganisaties zijn er minder over te spreken. Zij zijn bang dat ze juist meer risico’s lopen. ‘Elk jaar verandert er wel iets in de financieringsstructuur. Er is geen peil op te trekken. Dat is vervelend. Voor ons, maar ook voor de ouders’, concludeert Van der Meulen. 46
47
Een kinderopvang is tegenwoordig veel meer dan alleen een oppasplek. Grofweg staan er vier doelen in de wet voor de kinderopvang. Dat zijn: •
Het bieden van fysieke en emotionele veiligheid Veiligheid en geborgenheid zijn voor kinderen voorwaarden om zich te kunnen ontspannen en om zichzelf te kunnen zijn. Pas wanneer een kind zich veilig voelt, kan het zich gaan ontwikkelen. Het gaat bij dit punt met name om de emotionele veiligheid, maar een fysiek veilige omgeving is minstens zo belangrijk
•
Het bevorderen van de persoonlijke competentie Hieronder vallen de ontwikkeling van veerkracht, zelfstandigheid, zelfvertrouwen en flexibiliteit. Maar ook de motorische en creatieve ontwikkeling (spel, muziek) en de ontwikkeling van taal en cognitie vallen hieronder
•
Sociale competentie Voor het bevorderen van de sociale competentie biedt de groep in de kinder opvang een unieke oefenplek. Kinderen stimuleren in het openen van perspectief, communiceren, delen, samenwerken, helpen en conflicten oplossen vallen onder dit sociale doel
•
Socialisatie of de overdracht van normen en waarden Het zich eigen maken van de regels, normen en waarden, de veelkleurige cultuur van de samenleving
POPPEHERINNERINGEN Ciska Noordmans
Herinneringen binne foar letter. In taastbere herinnering bringt dy samar werom yn ’e tiid. Elkenien hat oantinkens opslein. Eefkes teste… wat komt der by dy op asto kofje rûkst? En de geur fan Zwitsal babyshampoo? Net allinne geuren roppe bylden op. Der binne folop leuke manieren om wat fêst te lizzen en te bewarjen foar letter. Foar as dyn poppe útgroeid is ta in lange slungel of in prachtich frommeske.
KÔKKEUNS T Kinst it earste miel mei syn allen fiere mei in diner oan hûs. Lit in kok ynfleane om jim lekker te ferwennen. En de ôfwask nimt er ek wer mei. En alle kearen asto dan wer rosbyf ytst (of wat oars fansels...), dan sweve dyn gedachten werom nei dat spesjale earste miel.
Fotoshoot Guon fotografen binne spesjalisearre yn babyshoots. Der binne ek guon dy’t in pakket oanbiede, mei in swangerskips-, berte- en poppeshoot of cakeshoot.
Mei muzyk De berte is in feestje! En by in feestje heart muzyk. Kinst in muzykstik meitsje litte, spesjaal foar de berte fan jim berntsje. En elke kear ast de CD wer hearst, tinkst werom oan it nije libben.
Mei byldzjende keunst Fier de berte mei byldzjende keunst. Dat kin bygelyks ek mei in skildere portret fan de hiele húshâlding. Om alle dagen fan te genietsjen!
SEL S OA N DE SL ACH: DIY! Hâld fan de swangerskip, berte en it earste libbensjier in skrift by... Wof folje in kant-en-klear poppeboek yn. Dat bringt dy letter grif wer leuke dingen yn ’t sin. Kinst der foto’s by plakke, in hierlok, in bertekaartsje. Mar it kin fansels ek yn de foarm fan in blog! Sa kinne famylje en freonen fuort ek meilêze. De poppe groeit hurd en foardatst it witst is er út in earste pakje, klear mei de bear en oan syn earste potleaden ta. Pimp in moaie doaze op en bewarje dêr de ‘earste kear’-spullen yn. Der binne pakketsjes te keap om in gipsôfdruk te meitsjen fan in poppefuotsje of -hantsje. Bist sels kreatyf, of hat soan of dochter in moaie tekening makke doe’t se hearden fan it grutte wûnder yn mem har búk? Nim it keunstwurk mei nei de bertekaartsjespesjalist en dy makket der wat moais fan. 48
49
48 Yllustraasje: 49 Anita Jeram Út: Witst wol hoe mâl ik mei dy bin?
Yn dit ‘Witst wol hoe mâl ik mei dy bin?’–poppeboek kinst allegear oantinkens oan de earste jierren fan dyn poppe kwyt. Mei romte foar dyn eigen foto’s, notysjes en emoasjes. € 14,95
Alwer in Fries! 4
3
2
1 5
8
6
7
12 10
9
16 13
11
14
18
17 15
19
20
22
21
23
24
25
28 26
27
32 31
29
30
33
38
37
34
35
36
39
40
1. Tsjitske Attema, Burchwert 2. Elize Vlug, Arum 3. Thirza de Jager, It Hearrenfean 4. Rinsina de Graaf, Damwâld 5. Willem Koster, Droegeham 6. Daniël Stienstra, Tsjummearum 7. Liv Mous, Jirnsum 8. Semme Basteleur, Dokkum 9. Fedde, De Westereen 10. Valentijn Nammen de Roos, Oentsjerk 11. Jilles Sietze de Jong, Koudum 12. Jeldau Frouk van Dijk, Nijhuzum 13. Senna van Stralen, Gytsjerk 14. Waatze Willem Nicolai, Droegeham 15. Yfke Brecht, Iens 16. Jinthe, Arum 17. Ellen Fleur Algra, Ljouwert 18. Henk-zietse, Twizelerheide 19. Yfke Matty Waterlander, Auckland, New Zealand 20. Jort Idsinga, Frjentsjer 21. Yfke en Redmer, Ljussens 22. Nynke Beukens, Nijemardum 23. Reinder Ysbrand Buruma, Hallum 24. Yfke Jantje Lutske Hoekstra, Burgum 25. Kiano Gerard Theo van Wieren, Mantgum 26. Djurre Anton, Dokkum 27. Fenna Benedictus, Drachten 28. Marike van der Zaag, Kollumersweach 29. Jouke Jongsma, Marum 30. Mirthe Janine Kamstra, Twizelerheide 31. Gwen Ploegstra, De Gordyk 32. Tiemen Ybema, Nijegea 33. Jurre kloosterman, Grou 34. Renske, Bantegea 35. Jildau de Haas, Aldegea SWF 36. Soan Boonstra, Damwâld 37. Jesse, Aldemardum 38. Roan de Vries, Gytsjerk 39. Jesse Schotanus, Aldemardum 40. Fardau Geke Bekius, Wânswert 50
51
Ferneamd
Waatze Willem Grutte Waatze-Willem: berne op 8 jannewaris 1960 en wennet yn Droegeham Lytse Waatze-Willem: berne op 9 oktober 2016 en wennet ek yn Droegeham Betsjutting Waatze: Waatse komt fan Wate, wat hearsker oer it leger betsjut Betsjutting Willem: de wilskrêftige beskermer
Waatze-Willem Nicolai: ‘Ik hie it hielendal net ferwachte dat ik ferneamd wurde soe. Tsjintwurdich is dat ommers net mear yn de moade. Mar ik wie fansels wol hiel grutsk. It is nammentlik ek de sânde yn de famyljelijn dy’t de namme kriget. Myn pake hjitte ek WaatzeWillem, myn heit Willem-Waatze en sa giet it hieltyd om-en-om troch. Mar wy brûke allinne de earste namme. Dat makket de namme ek wol wer unyk. Oft ik it in moaie namme fyn? Ach, de namme krije je en dêr ha je it mar mei te dwaan. Mar ik ha der wol frede mei hear. Mar doe’t ik yn Dútslân wurke, ha ik der mar Wilhelm fan makke, want mei de namme Waatze koenen se neat. Bûten Fryslân bin ik faak ek ‘Watse’. Tsja, dat is it ienige neidiel fan sa’n Fryske namme. De namme Waatze wurdt net mear in soad brûkt. Der binne 52
53
yn hiel Nederlân noch mar 26 minsken dy’t dizze foarnamme ha. Dat unyk is de namme teminsten al! Ik sjoch lytse Waatze-Willem sa’n twa kear yn ’e wike, om’t myn frou op him past. It is sa’n leaf jonkje, as ik thúskom fan myn wurk laket er altyd. Ik ha earder ris in âld Ford Mustang kocht en dy ha ik mei myn soan Willem-Waatze hielendal opknapt. Ik hoopje dat ik dêr skielk noch in protte mei lytse Waatze-Willem yn te toeren sil.’
Carolien ter Schuur
BoekStart maakt baby’s slimmer
Foarlêze oan babys is net fanselssprekkend. In soad âlders tinke datst babys net foarlêze kinst ‘want se begripe dochs net watst seist, se stopje it boekje leaver yn ’e mûle’. BoekStart wol âlders stimulearje om just wol oan harren babys foar te lêzen. De publikaasje ‘BoekStart maakt baby’s slimmer’ lit net allinnich sjen dat in betide start mei foarlêzen wurket, mar ek hokker bern at dêr it meast fan profitearje.
Alders dy’t meidogge mei BoekStart en harren poppe foarlêze foar de achtste moanne, hawwe bern dy’t heech skoare op taal. Al by bern fan fyftjin moanne âld binne der positive effekten te mjitten op de wurdskat, sa docht bliken út ûndersyk fan promovenda Heleen van den Berg en heechleraar ortopedagogyk Adriana Bus fan de Universiteit Leiden. In soad âlders stelle it foarlêzen oan babys út en wachtsje sa’n twa, trije jier mei it earste foarlêsboek. Van den Berg en Bus seagen dat BoekStart dêr feroaring yn bringt. Troch BoekStart begjinne âlders earder mei foarlêzen en dat stimulearret de taalûntwikkeling fan bern. Ek blykt út it ûndersyk dat BoekStart wichtich is foar alle nije âlders. Alders fan babys dy’t faak gûle en gau yrritearre binne, stelle it foarlêzen faak út, ek al ûnderkenne se it belang
fan praten tsjin harren bern. Foaral dy groep temperamintfolle babys profitearret derfan as harren âlders meidogge mei BoekStart. De âlders fan dy bern hawwe nammentlik mear ynteresse foar BoekStart as oare âlders, om’t sy op syk binne nei tips en trúks om de daaglikse omgong mei harren bern te ferbetterjen. BoekStart is basearre op in foarbyld út Ingelân. It programma wurdt troch gemeenten útfierd, yn gearwurking mei biblioteken en konsultaasjeburo’s. Alle âlders krije fan de gemeente of it konsultaasjeburo in útnoeging om in BoekStartkofferke by de biblioteek op te heljen as de poppe trije moanne âld is. Yn it kofferke sitte twa boekjes spesjaal foar babys. Alders kinne by de biblioteken geregeld nije boekjes liene út in kolleksje fan Nederlânske en Fryske babyboekjes. En alles is gratis!
Tips en trúks Wy jouwe hjir in oantal tips en trúks foar it lêzen mei babys. Dyselde en noch mear tips fynst yn de folders yn it kofferke en by boekstart.nl. Dêr fynst ek de titels fan boekjes yn it Nederlânsk én yn it Frysk.
Lit dyn stim hearre, watst seist is eins net sa belangryk. Beneam wat der te sjen is, meitsje bypassende lûden of sjong in ferske!
Babys reagearje it earst op dúdlike swart-wyt patroanen. Gean lekker tegearre op in
Dy patroanen binne goed foar de
rêstich plakje sitten.
fisuele ûntwikkeling. In baby kin dêr
Doch radio, telefyzje en
hiel oandachtich nei sjen!
kompjûter/laptop út, dat liedt mar ôf. Soargje der ek foar datst sels noflik sitst. Hâld de
In boekje lêze jout in momint fan rêst.
baby sa, datst eachkontakt
Do kinst dyn bern sa ek even wat ekstra
meitsje kinst.
oandacht jaan as it bygelyks hingerich of siik is.
Sykje boekjes út dy’t net te drok binne. Ien plaatsje op in side is genôch. Bygelyks in bist of ding dat dyn baby út syn omjouwing ken, dúdlik ôfbylde, mei net tefolle details. 54
55
Mear witte? Sjoch op www.lezen.nl en op www.boekstart.nl om de publikaasje te downloaden of te bestellen.
Dieuwke van der Meer
Etherische oliën Heb jij wel eens gehoord van etherische olie? Dat is olie afkomstig uit een plant, bloem, boom of gras. Je kent vast wel de geur van een roos, lavendel, munt of frisse sinaasappelschil. Wist je dat etherische oliën een krachtige werking hebben, zowel lichamelijk als emotioneel? Ook wanneer je een baby hebt, kun je deze oliën gebruiken. Hoe? Heit&mem geeft je tips!
Massage Baby’s vinden het heerlijk om gemasseerd te worden. Voor een goede ontspanning kunnen de voetjes, buik en rug licht gemasseerd worden voor het slapengaan. Massageolie voor baby’s kun je heel simpel zelf maken: neem bijv. 100 ml jojoba-, amandel- of kokosolie en voeg daar een druppel etherische olie aan toe, zoals mandarijn, lavendel of roomse kamille. De aroma’s geven je baby een gevoel van veiligheid en geborgenheid. In bad Het is voor je baby heerlijk om te baden in water met essentiële olie. Daarvoor kun je een druppel etherische olie vermengen met wat zeezout of neutrale badolie, zoals jojobaolie, wat je daarna aan het badwater toevoegt.
Verdampen Je kunt essentiële oliën laten verdampen met behulp van bijvoorbeeld een diffuser. Zo kan lavendel- of sinaasappelgeur heel rustgevend werken en je baby helpen te ontspannen en in slaap te vallen. Diffusen kan nog niet bij hele kleine baby’s, doe dit pas vanaf ongeveer 6-12 maanden en niet te lang. Je kunt ook een druppel op een zakdoekje doen en dat 10 minuutjes in het kamertje van je kindje leggen, zodat hij of zij de geur kan ervaren.
Essentiële oliën geschikt voor baby’s
Let op!
Kalmerend: Mandarijn, Lavendel,
•
Gebruik geen etherische oliën bij baby’s
Roomse kamille
jonger dan 3 maanden, en beneden
Insectenbeten/brandwonden: Lavendel
het jaar geen olie zoals pepermunt of
Huidirritatie: Frankincense (wierookolie), Lavendel, Tea tree
eucalyptus. •
Buikkrampjes: Lavendel, Venkel Doorkomende tandjes: Lavendel,
Gebruik geen etherische oliën onverdund rechtstreeks op de huid.
•
Let erop dat je altijd een hoogwaardige
Kruidnagel, Tea tree
biologische kwaliteit etherische
Maagklachten: Lavendel, Anijs, Venkel
olie gebruikt.
Koorts: Citroen
•
Wil je weten wat een goed merk is of
Luieruitslag: Lavendel, Tea tree,
hoe je het beste met etherische olie om
Wierookolie
kunt gaan, neem dan contact op met een
Berg: Citroen, Geranium
deskundige op het gebied van natuurlijke olie, zoals Femke Elverdink van www.natuurlijkmetfemke.nl uit Wirdum.
56
57
Nynke van der Zee
Sliepe as prinskes en prinseskes De tûme yn ’e mûle, de koesknuffel tsjin it wang en de eachjes tefreden ticht. Der is neat moaier as in berntsje dat hearlik leit te sliepen. Mar der binne genôch poppen en pjutten dy’t it flink yn ’e kant sette as se op bêd moatte. Wat kinst dwaan as sliepen in nachtmerje wurdt?
De sinne skynt fleurich op it dak fan de beide sliephûskes as Myja Zijlstra twa pjutten klearmakket om op bêd. Mei tolve lytse pjutten yn de leeftyd fan 10 wiken oant 4 jier wurdt der hiel wat ôfslept by bernedeiferbliuw Bernewrâld yn Reduzum. ‘It lekkerste koest it toch wol yn dizze sliephûskes’, seit Myja, wizend nei de twa ‘kninehokken’ dy’t yn de tún stean. ‘De lûden fan de fûgels, de sûne bûtenlucht en it knusse hûske meitsje dit in ideaal sliepplakje.’ It duorret mar efkes of beide pjutten binne yn dreamelân. Goed foar lichem en geast Alle poppen en pjutten hawwe ekstra sliep nedich om de dei troch te kommen. ‘Slapen is essentieel voor de groei van baby’s en peuters’, knikt Daniëlle Hendriks, sliepdeskundige by it Centrum voor Slaap- en Waakstoornissen fan MCH Westeinde yn Den Haach. ‘Tijdens de slaap doen kinderen niet alleen nieuwe energie op, maar slaap is ook onmisbaar voor hun groei en ontwikkeling. Prikkels en avonturen die kinderen overdag hebben meegemaakt, worden verwerkt tijdens de slaap. Alle indrukken krijgen zo een eigen plekje. Tijdens de slaap hebben de hersenen de tijd om al deze informatie op te slaan en te ordenen. Slaap is dus essentieel voor zowel lichaam als geest.’ Dochs is it net altyd like maklik om bern yn ’e sliep te krijen. Der binne lytskes by dy’t flink protestearje
as se op bêd moatte. ‘Het eerste halfjaar hebben baby’s nog geen duidelijk slaapritme’, leit Daniëlle út. ‘In de buik nemen ze het ritme van de moeder over. Bij een pasgeboren baby is het dan ook belangrijk om je kindje een vast ritme aan te bieden, zodat het op bepaalde tijdstippen het hormoon melatonine aanmaakt waardoor het in slaap valt. Dit hormoon zorgt uiteindelijk voor een eigen biologische klok bij baby’s. Zonder melatonine geen slaap.’ In machtsstriid op bêd As poppen yn it begjin lestich yn sliep komme, kin dat meardere oarsaken hawwe, wit Daniëlle. ‘Het kan zijn dat ze overprikkeld raken doordat de ouders het te druk hebben. Daardoor ontstaat er bij de ouders een stressstofje en dat merken baby’s meteen. Die stress nemen ze over, waardoor slapen lastig wordt. Wat ik bij veel ouders merk, is dat slapen daardoor een machtsstrijd wordt tussen ouders en kind. Dat kan nooit de bedoeling zijn. Je kunt een kind niet dwingen om te slapen. Slapen moet geen straf worden, maar een mooi, intiem moment zijn tussen jou en je kind.’ Ek by bernedeiferbliuw Bernewrâld wurdt fan sliepen in moai momint makke. ‘Wy nimme rêstich de tiid om de bern op bêd te dwaan en ha by elk bern in eigen ritueel’, fertelt Myja. ‘De iene
‘ As bern lekker sliepe, krije se de kâns om te groeien’
5 tips foar it sliepen •
Meitsje it tsjuster yn ’e sliepkeamer en beskermje bern tsjin tefolle ljocht- en lûdprikkels troch ien oere foar bêdtiid gjin apparaten mei byldskermen mear brûke te litten, sa as de telefoan, tablet en laptop. Efkes ‘back to basic’ helpt bern om better yn ’e sliep te kommen.
•
Nim rêstich de tiid foar it sliepritueel, bygelyks troch noch in ferhaaltsje foar te lêzen of tegearre de dei te bepraten.
•
Bliuw sels kalm en wurd net lilk as dyn bern net sliepe wol. Meitsje der gjin machtsstriid fan.
•
Lit de doar iepen of hâld in ljochtsje oan as dyn bern bang is yn it tsjuster. Ek in babyfoan kin goed wurkje om kontakt te hâlden.
•
Meitsje fan it sliepen in yntym momint, gjin straf. Sliepen moat in leuk ûnderdiel fan de dei wêze.
Mear slieptips? Sjoch ek ris op: www.kinderslaap.nl www.slaapbabyslaap.nl Foar sliepskema's sjoch www.heitenmem.nl
58
59
krijt noch in ferhaaltsje, de oare wol noch efkes prate. Elk bern hat sa syn eigen wize om yn ’e sliep te fallen. Dêrtroch ferrint dat hjir hiel kalm. Foar de measte bern is sliepen yntusken in hiel gewoan ûnderdiel fan de dei, lykas fruit iten en bûtenboartsjen.’ Groeie yn de koes In fêst ritueel is ien fan de belangrykste tips dy’t Daniëlle jout oan heiten en memmen fan bern dy’t net maklik yn sliep falle. ‘Een bedritueel geeft een kind houvast, zodat hij weet wat er gaat gebeuren’, knikt se. ‘En laat kinderen op jonge leeftijd alvast wennen aan hun eigen bedje. Door op vaste tijden je kind in zijn eigen bedje te leggen, leert het om zelf in slaap te vallen.’ By heit en mem op bêd sliepe litte is sterk ôf te rieden, warskôget Daniëlle. ‘Het risico op wiegendood wordt daardoor flink verhoogd. Maar slapen in een bedje bij de ouders op de kamer kan geen kwaad.’ Ek it bûten sliepen yn de saneamde ‘lutjepotjes’ wurket foar bern hiel goed. ‘De rust van buiten kan bij sommige kinderen wonderen doen’, knikt Daniëlle. Yn de bûtensliephûskes fan bernedeiferbliuw Bernewrâld yn Reduzum lizze de twa pjutten noch altyd hearlik te koesen. ‘Dêr kin ik echt fan genietsje’, glimket Myja. ‘As bern lekker sliepe, krije se de kâns om te groeien.’
Sjoukje Jager
Yn 2018 mei it hiele gesin nei de Taletún fan Lân fan taal
Yn 2018 is Ljouwert/Fryslân kulturele haadstêd fan Europa en is der rûnom yn de provinsje fan alles te dwaan. Yn Ljouwert fynst bygelyks de thúsbasis fan Lân fan taal mei û.o. yn de Prinsetún de Taletún. Dêr moatst écht even hinne! Taletún Fan april oant en mei oktober 2018 wurdt de Prinsetún transformearre ta Taletún en wurdt dêrmei ‘the place to be’ foar skoallen én gesinnen. Foar alle leeftiden is der wat te dwaan. Gean mei dyn bern op syk nei letters, wurden en ferhalen yn allerhanne talen. Boartsje yn, op en mei de ferskillende boartersobjekten dy’t troch de hiele tún te finen binne. Of genietsje gewoan fan in drankje en in hapke yn it Talepaviljoen … no ja, gewoan? Talepaviljoen Yn it Talepaviljoen - ek wol ‘livingroom of languages’- silst erfare dat taal mear is as it sprutsen wurd. Dêrnjonken is it ít moetingsplak foar oare talen en taalmienskippen yn Europa, Nederlân en Ljouwert. Dat aspekt silst ek weromfine op
bygelyks de menukaart. Op fêste mominten yn de wike wurde der ek optredens en oare aktiviteiten programmearre. Spesjaal sneonsprogramma Yn de hiele perioade dat de Taletún iepen is binne der fyftjin sneonen mei in spesjaal programma foar bern yn de leeftiid fan 0 oant en mei 12 jier, harren âlders en pakes en beppes. Sa kinne jim skriuwers, muzikanten en oare artysten tsjin it liif rinne, mar ek meidwaan oan workshops en allerhanne oare leuke (talige) aktiviteiten. Lân fan taal is in frijsteat foar álle talen fan de wrâld mei it Frysk as pronkstik. Yn hiel 2018 fiere wy de taal mei tal fan aktiviteiten, foarstellingen, útstellingen, ensfh. Sjoch foar alle ynfo op www.lanfantaal.nl.
Fia de Facebookside fan heit&mem hâlde wy jimme op de hichte oer Lân fan Taal! facebook.com/heitenmem
Boarters- en ûntdekkersplak foar bern. Speelen ontdekplek voor kinderen. Play and discovery area for children. 60
61
Idske Bangma
Talige ontwikkeling! Je baby zegt misschien nog niet meer dan boe en bah en ta-da-ta. Toch is het voor zijn of haar taalontwikkeling van belang om tegen je kindje te praten. Ook als het om taal gaat, kun je als ouder het goede voorbeeld geven. Maar hoeveel verstand heb je nu eigenlijk van de taalontwikkelingsfasen van je kindje? En wat zeggen wetenschappers ervan? HEIT & MEM zocht het voor je uit!
Stem van moeder stimuleert hersengroei van baby De hersengroei van baby’s wordt gestimuleerd door de stem van de moeder. Hoe we dat weten? Bij een experiment zongen de moeders van 20 couveusebaby’s kinderliedjes in. Vervolgens kregen de couveusebaby’s de opnames een maand lang drie uur per dag te horen. Daarna werden er hersenscans gemaakt en vergeleken met hersenscans van een controlegroep van baby’s die niet naar liedjes van de moeder hadden geluisterd. Bij couveusebaby’s die dagelijks de stem van de moeder hadden gehoord, bleek het deel in de hersenen waar geluiden worden verwerkt, relatief groot te zijn. Waarschijnlijk profiteren de baby’s daar op latere leeftijd van, bijvoorbeeld bij het leren van taal of talen, melden onderzoekers van de Harvard Medical School. (Bron: www.nu.nl) Lekker keuvelje oer deistige saken, goed foar taalûntwikkeling! Ut in Iersk ûndersyk ûnder 8000 babys docht bliken dat it goed is om tsjin dyn poppe te praten. In boekje lêze is goed foar de (taal)ûntwikkeling, mar út dat ûndersyk hat bliken dien dat praten
noch better is. Dat hoecht net in yngewikkeld petear te wêzen, je kinne gewoan lekker wat tsjin de poppe keuvelje oer deistige saken, bygelyks ûnder it dwaan fan húshâldlike putsjes. It keuveljen hat ûnder oaren foardielen foar it probleemoplossend fermogen. Dochs is praten allinne net genôch. Eardere stúdzjes hawwe al oantoand dat foarlêzen by poppen helpt by it opbouwen en fergrutsjen fan de wurdskat. En ast tegearre mei dyn poppe in boekje lêst, praatst dêr tagelyk ek oer! (Boarne: www.boekstart.nl) Sliepe nei it fertellen fan in ferhaaltsje? Dat is in goed idee! Want dan slacht dyn poppe ynformaasje better op! By in eksperimint fertelden folwoeksenen oan in groep poppen, foardat dy sliepen gienen, in ferhaaltsje wêrby’t de wanten fan in knuffel útlutsen waarden. Nei dat sliepke koe de groep poppen by wa’t dat foardien wie, sels de wanten fan de knuffel better útlûke as de groep poppen by wa’t dat net foardien wie. Dat betsjut nei alle gedachten dat dyn poppe de ynformaasje út in ferhaal better ûnthâldt as hy of sy nei it foarlêzen in knipperke docht. (Boarne: www.boekstart.nl)
Bespreken en herhalen van moeilijke woorden, goed voor de woordenschatontwikkeling! Regelmatig voorlezen is belangrijk voor de woordenschatontwikkeling van kinderen. Maar ook het herhalen en bespreken van moeilijke woorden hoort daarbij. Dit is van groot belang voor latere leesvaardigheden. Uit onderzoek van de Radboud Universiteit in Nijmegen blijkt dat wanneer kleuters op vierjarige leeftijd naar school gaan, het niveau van hun woordenschat ver uiteenloopt. Dit woordenschatniveau voorspelt hun latere begrijpend leesvaardigheid en schoolsucces. De kunst is dus om kinderen 62
63
al voor hun vierde jaar met veel verschillende woorden en begrippen in aanraking te laten komen. Prentenboeken zorgen voor een rijke taalcontext waarin jonge kinderen woorden gemakkelijk kunnen leren. Uit eerder onderzoek is al gebleken dat tweetalige kinderen vooral in de minderheidstaal voorgelezen zouden moeten worden. (Bron: www.kennislink.nl)
Wil je meer weten over taalontwikkelingsfasen, meertalig opvoeden of de voordelen van een talige ontwikkeling? Kijk op www.taalgroeimeter.nl
Te lêzen op
heitenmem.nl Poppe fan de moanne Is dyn poppe de leafste poppe fan allegear? Upload dan in foto by ‘poppe fan de moanne’ op heitenmem.nl. De poppe mei de measte stimmen kriget in poppepakket tastjoerd en komt boppedat yn it blêd ‘heit&mem’ te stean. De winner wurdt ûnder oaren bekend makke fia ús nijsbrief.
Taalkado Alle inwoners van onze provincie hebben in het dagelijks leven op een of andere wijze te maken met meerdere talen. Dat zijn in de eerste plaats het Nederlands en Fries, maar in veel gevallen ook nog een streektaal of een buitenlandse taal. De provincie Fryslân ziet die taalverscheidenheid als rijkdom en als kans voor de ontwikkeling van kinderen. Daarom biedt de provincie Fryslân ouders het Taalkado aan om kinderen op speelse wijze met meertaligheid en het Fries in aanraking te brengen. In het Taalkado vind je een aantal cadeautjes voor je kind, zoals bijvoorbeeld een boekje, een cd en een knuffel. En daarnaast ook informatie over o.a. meertalig opvoeden en taalontwikkeling. Op www.heitenmem.nl vind je o.a. speel- en voorleestips bij het boekje, titels van andere leuke boekjes in het Fries en knuffels.
Meertaligheid-pagina op heitenmem.nl
Is het een uitzondering om twee of meer talen te spreken? Juist niet! Alleen al in Europa wonen meer dan 50 miljoen mensen die meer dan één taal spreken. Wat zijn de voordelen daarvan? En zitten er ook nadelen aan? Hoe gaan mensen thuis en op school om met meertaligheid? Heitenmem.nl heeft alle vragen en antwoorden voor je op een rijtje gezet. Kijk voor meer informatie op www.heitenmem.nl/meertalig-opvoeden 64
Ik wol foar dy soargje yn dy leauwe en altyd by dy bliuwe Ik wol mei dy laitsje mei dy slûchje der foar dy wêze dyn trientsjes droegje Ik wol fan dy hâlde leaf bern fan my jou dy mar del ik beskermje dy Dieuwke van der Meer
Dyn bern sille wurde sa’tsto bist, ^
dus wes watsto wolst dat sy wurde.
de lytse
NR.4 2017/2018
Fryske kreamkadootsjes De earste hapkes Wat gjinien dy fertelt oer de kreamtiid M EI FRY S K E S L IEP FER S K E S, RY M K E S, P O P P EB O EK J E S, A P P S EN N O C H F O L L E M E A R!