De Lytse heit&mem 2016/2017

Page 1

de lytse

NR.3 2016/2017

Natuerlik âlderskip Hoogbegaafdheid Lêze mei lytse poppen Hypnobirthing M EI FRY S K E S L IEP FER S K E S, RY M K E S, P O P P EB O EK J E S, A P P S EN N O C H F O L L E M E A R!


Alwer in Fries! 2

4

3

1

5 8

6

7

12

9

10

11

14

13

15

16

17

18

1: Auke Jagersma, Aldegea SWF 2: Djurre Bauke Faber, Easterein 3: Daan Hoekstra, Winsum 4: Niels Jouwsma, Winsum 5: Riemer, De Gordyk 6: Imre van der Kooi, Feanw芒lden 7: Marrit Thea, Burdaard 8: Jeltmar, Dokkum 9: Jacob Jesse Kuipers, Hantum 10: Mathijs Stienstra, Tsjummearum 11: Femke Eisinga, Kollum 12: Thijmen, De Lemmer 13: Marinke Allina, B没tenpost 14: Vera Jade Yvonne Bekema, Boalsert 15: Arina Amarins Heeringa, Nijewier 16: Mads, Stynsgea 17: Johan, Westergeast 18: Myrthe Aline Bosma, Twizel


Hoera! Jimme poppe is berne! Fan herten lokwinske. It grutte genietsjen kin begjinne. Oeren fol ferwûndering stoarje nei jimme lytse poppe, dy’t fredich mei de earmkes omheech of al tomkesobjend leit te sliepen. Wy hoopje dat hy of sy gau trochsliepe sil, sadat jim der ek gau wer boppe-op komme kinne. Op side 46 stiet in artikel oer poppen en sliepen, mei allegear handige tips. Dêr riede se oan om it bern net by jim yn bêd te lizzen mar yn in apart bedsje, om’t dat feiliger wêze soe foar de poppe. Mar âlders dy’t harren bern opfiede wolle neffens de prinsipes fan it ‘natuerlik âlderskip’, lykas op side 12, kieze der soms just bewust foar om in bern by harren yn bêd sliepe te litten. Sa silst sjen dat, krekt as by bern, gjin âlder itselde is. Der binne swangere froulju dy’t de befalling mar op harren ôfkomme litte en froulju dy’t gebrûk meitsje fan ‘hypnobirthing’ (sjoch side 60). En sa binne der âlders dy’t harren bern it leafste yn in bernewein meinimme en guon dy’t kieze foar de draachdoek. Der binne heiten en memmen dy’t bewust of út needsaak harren lytse poppe de flesse jouwe en der binne memmen dy’t harren bern mei trije jier noch oan it boarst hawwe. Der binne âlders dy’t bewust thúsbliuwe by de bern en oaren dy’t graach oan it wurk bliuwe wolle. Hoe dan ek, it is altyd goed salang’t it dyn eigen kar mar is. Lit ús net oardiele, mar genietsje fan al it moaie dat elk bern ús bringt. Wy winskje dy in protte lêswille ta mei dizze Lytse Heit&Mem.

De redaksje

1


ynhâld ‘de lytse’

NR.3

12

Taalkado De lytse heit&mem wurdt fergees ferspraat yn in oplage fan 6.200 eksimplaren fia it Taalkado. It Taalkado is it kadootsje fan de provinsje Fryslân foar jonge âlden by de oanjefte fan in berte, en hat ta doel om harren te ynformearjen oer de foardielen fan it opgroeien yn in meartalige situaasje, en om it brûken fan de Fryske taal yn it bysûnder, te stimulearjen. Der wurdt wurke neffens in redaksjestatút dat boarch stiet foar de ûnôfhinklikheid fan de redaksje.

48

De lytse heit&mem is in meartalich tydskrift en spesifyk rjochte op âlders mei jonge bern (0-2 jier) yn Fryslân.

Kolofon Yllustraasjes:

Side 61: Sylvie Boersma sylverillustrations.jimdo.com

Redaksje

Carolien ter Schuur Ciska Noordmans Dieuwke van der Meer Fokke Jagersma

Haadredakteur: Ernst Bruinsma

Meiwurkers:

Arjanne Nijp Femke Jaarsma Idske Bangma Klasina vd Werf Mirjam Boven Monique Flinker Nynke van der Zee Paul van Dijk Tine van Knijff

Korreksje:

Sekuer Oersetburo www.sekuer.nl info@sekuer.nl

Redaksje-adres/ útjouwer:

Afûk Postbus 53 8900 AB Ljouwert www.afuk.nl e-mail: ynfo@afuk.nl / ynfo@heitenmem.nl tel.: 058 - 234 30 70

Foarmjouwer:

BW H ontwerpers www.bwhontwerpers.nl info@bwhontwerpers.nl tel.: 058 - 213 35 43

Fotografy:

Het Hoge Noorden www.hogenoorden.nl info@hogenoorden.nl tel.: 058 - 215 79 66 Fotografie Lydia www.fotografielydia.nl info@fotografielydia.nl tel.: 06 - 25 13 58 98

Printwurk:

Senefelder Misset www.senefelder.nl info@senefelder.nl tel.: 0314 - 35 55 00 ISSN: 1878-4437

Heit en Mem kinst ek folgje fia:

Utjûn mei stipe fan de


62

58

61

34 01 Fan de redaksje 02 Kolofon 04 Meartalich grutbringe pakt goed út 07 Kollum Marjorie Louwsma 08 ABC 12 Natuurlijk Ouderschap 15 Spreuktegel 16 Mei elk bern in bytsje makliker 19 Kollum Paul van Dijk 20 Ferskes foar op skoat 22 Taalûntwikkeling by jonge bern giet eins fansels… 25 Bernepraatsjes 26 Tiid foar 2 28 De babykeamer 32 Kinderopvang: een wereld in ontwikkeling 34 Joazefine 2

3

36 20+ Mem 38 40+ Mem 40 Kollum Mirjam Boven 41 Kreamkadootsjes op syn Frysk 42 Sliepe as in prins/prinseske 44 De bernewein troch de tiid 46 Gratis babyspullen foar kânsearme gesinnen 48 Zorgen voor en over je hoogbegaafde baby of peuter 51 Foarnammen 52 Ferneamd 54 Wurk en bern, hoe wurket dat? 56 It boarstfiedingsfotoprojekt 58 ‘ HypnoBirthing is net sweverich’ 61 Apps foar de lytskes! 62 Lêze mei lytse poppen 64 Te lêzen op heitenmem.nl


Klasina van der Werf

Meartalich grutbringe pakt goed út Hotske en Stephan Jagersma út Aldegea (SWF) fiede harren bern Fardau (13), Indira (5) en Vayinda (3) meartalich op. Hotske praat Frysk mei se, Stephan Dútsk en Nederlânsk, en trochdat se – no al foar de twadde kear – tydlik in bûtenlânske studint yn ’e hûs ha, leare de bern ek noch in bytsje Frânsk en Ingelsk.


Hotske is hikke en tein yn Aldegea. Stephan komt út West-Berlyn, mar fûn de stêd te drok. Hy socht wurk yn Europa en belâne yn de Achterhoek. Dêr rûn hy Hotske tsjin it liif. Sy wie dêr mei in freondinne oan it kampearjen. ‘It wie leafde op it earste gesicht’, seit Hotske. Stephan hie it Nederlânsk doe krekt in bytsje ûnder de knibbel en krige der fuort in nije taal by: Frysk. ‘Ik bin fan hûs út Frysk en fyn myn taal te moai om ôf te skaffen. Stephan hie de kar: óf hy learde de taal te ferstean, óf hy waard hiel iensum’, laket se. Hotske har dochter Fardau wie fjouwer jier doe’t Stephan yn harren libben kaam. Yn it begjin wie it in syktocht nei it brûken fan de talen en hellen se alles trochelkoar. Se krigen sels op ’e kop fan de juf fan Fardau. Stephan: ‘We hadden een Sesamstraat-cd in het Duits, met het alfabet erop. Fardau kende daardoor de letters beter in het Duits dan in het Nederlands.’ Dat wie foar Hotske en Stephan it momint dat se seinen: wy moatte de talen dúdlik ôfbeakenje. No praat Hotske Frysk en Stephan Nederlânsk. Op dagen dat Stephan allinnich mei de bern thús is, praat hy ek Dútsk. ‘Ik vraag bijvoorbeeld wat ze willen drinken: melk of Milch. En ik lees elke avond uit een Duits boekje voor. Op deze manier kunnen ze de Duitse taal ook verstaan en dat is heel handig voor als oma op bezoek komt. De jongste zei laatst voor de telefoon al tegen oma: ‘Ich liebe dich’ en ‘Gute Nacht’.’ 4

5


De bern kinne no goed skeakelje. Mei heit prate se Nederlânsk en mei mem Frysk. ‘Ik moet er soms wel voor waken dat ik zelf niet van taal wissel in een zin. Dan zeg ik bijvoorbeeld: ‘Zal ik even een ‘stukje bôle’ voor je klaarmaken?’’ laket Stephan. Fardau is no 13 jier en by har is it goed útpakt mei de talen. Hotske: ‘Sy kin ek goed Ingelsk. Dat komt om’t wy twa jier lyn in studint út Tailân yn ’e hûs hiene, dêr’t wy Ingelsk mei praten. No wennet der in studint út België (Wallonië) by ús, Nolwen. Sy praat Frânsk, mar hjir yn ’e hûs prate wy Nederlânsk mei har, want sy wol ús taal graach leare. Wy fine it wichtich om op dizze wize ús bern oare kultueren mei te jaan. En wy leare der sels ek in hiel soad fan. Bygelyks oer ús eigen kultuer. Wy bliuwe no mei Nolwen stean by de tulpefjilden en de mûnen. Dan tink ik: wat wenje wy hjir prachtich!’

Elke simmer kriget de famylje Jagersma noch in oare gast oer de flier: Michelle út East-Dútslân. Fia Europa Kinderhulp biedt de húshâlding sa in fakânsjeplak oan foar dat famke, dat it thús net sa rom hat. Michelle en Fardau ferskille seis dagen en it klikte fan it earste momint ôf tusken dy twa. Stephan: ‘Ze verblijft hier elke zomer drie weken en in die tijd krijgt Fardau een spoedcursus Duits. Fries en Duits lijken grammaticaal veel op elkaar, dus ze leert het snel.’ Om’t Indira en Vayinda noch lyts binne, hâlde Hotske en Stephan it foar harren earst by twa talen: Frysk en Nederlânsk. Oars helje se alles trochinoar. En as se boartsje? ‘Dan prate se Goois. Mei sa’n rôljende ‘r’.’

Wolsto mear lêze oer meartalich grutbringen? www.heitenmem.nl - sykwurd: meartaligens www.tomke.nl www.taalgroeimeter.nl

SOCHT: âlders foar it heit&mem-panel Wolsto ek meidwaan? Jou dy op fia ynfo@heitenmem.nl ûnder fermelding fan heit&mem-panel.

Wêrom wolle guon bern út Frysktalige húshâldingen gjin Frysk prate? Wêrom brûkt in Frysktalich bern wol Nederlânsk yn it rollespul, mar wurdt dat oarsom net dien? Hoelang brûkt in bern ferskillende talen trochinoar? Om ynsjoch te krijen yn dat soarte fan fragen hawwe heit&mem en Stichting Frysktalige Berne-opfang it heit&mem-panel opsetten. Ast meidochst oan it panel krigest in pear kear jiers in fragelist oer de taalûntwikkeling fan jim bern. Of it fersyk om edukatyf materiaal út te probearjen. Mar kinst fansels ek dyn eigen fragen ynbringe.


Marjorie Louwsma

Overweldigend Sinds gisteravond 23.25 uur ben ik moeder. Sinds gisteravond heb ik een dochter en ze is het allermooiste meisje wat ik ooit heb gezien. Hoewel ik negen maanden de tijd heb gehad om aan het idee te wennen, is het nog steeds onwerkelijk en een wonder dat dit mensje in mijn buik zat. Ik ben ontzettend trots op mezelf. Dit mensje heb ik zelf gemaakt, van twee kleine cellen tot een volwaardig baby’tje. En dat baby’tje heb ik zelf, op eigen kracht, op de wereld gezet. Dat heb ik toch maar even mooi gedaan. De hele nacht in het ziekenhuis lig ik wakker. Ik kijk naar het kleine mensje in het wiegje naast me. Ze ligt zo tevreden te slapen dat het lijkt alsof ze nooit anders gedaan heeft. Vanaf nu zijn we met z’n drieën en eigenlijk hoef ik daar helemaal niet aan te wennen. Ze hoort bij ons, dit is onze prachtige dochter Kayleigh. Mijn echt roze wolk duurt echter niet lang, hoogstens een paar dagen. Daarna begint de twijfel toe te slaan. Doe ik het wel goed? Hoe weet je nou of je het écht goed doet? Al snel krijg ik een tip: ‘Als jij denkt dat het goed is, dan is het ook goed. Vertrouw maar op je gevoel.’ Maar als kersverse moeder vind ik dat lastig te accepteren. Ik heb liever een boekje met duidelijke richtlijnen en concrete adviezen. Want je gevoel is toch ook niet altijd juist? En wat weet ik nou als jonge moeder? Toch probeer ik op mijn gevoel te vertrouwen. Gelukkig is Kayleigh over het algemeen een tevreden baby, wat ik zie als bevestiging dat ik wel degelijk goede dingen doe. Maar de zorg voor Kayleigh is soms overweldigend en begint mijn leven te 6

7

beheersen. Gedurende de dag ben ik alleen maar bezig met voeden, luiers verschonen, speelgoed pakken, badje klaarmaken, enzovoorts. Als Kayleigh eventjes ligt te slapen, ruim ik alle spulletjes weer op. Maar vaak heb ik het dan in korte tijd weer nodig. Eigenlijk loop ik de hele dag achter de feiten aan en ben ik een groot gedeelte van de dag bezig met het pakken en terugleggen van dezelfde spullen. Om iets van een dagelijkse routine te handhaven, probeer ik alles zo veel mogelijk in blokken van drie uur in te delen, want om de drie uur is het tijd voor een voeding. Dan krijgt Kayleigh ook meteen een schone luier en is het tijd om even te knuffelen. En dan hoop ik dat ze snel in slaap valt, zodat ik iets aan het huishouden kan doen. De berg met afwas op het aanrecht groeit en er moet nodig weer gestofzuigd worden. Daarnaast puilt de wasmand uit en kan de voorraadkast ook wel weer eens aangevuld worden. Je snapt mijn punt wel; er moeten nog een heleboel dingen afgewerkt worden op de to do-list voordat ik écht rustig met mijn beentjes omhoog kan zitten. Met kleine kinderen is het leven nou eenmaal wat chaotischer, bij ons is dat alleen net iets beter te zien. Als ik ’s avonds met mijn vriend en Kayleigh op de bank zit, werp ik nog een blik op het volle aanrecht. Het zal me eigenlijk ook allemaal een worst zijn. We zijn gelukkig zo met z’n drietjes en dat is het belangrijkste. Ontzettend gelukkig, met een megabult afwas én een uitpuilende wasmand.


ABC Wat staat je te wachten na de bevalling en in het eerste levensjaar van jullie kleine spruit? Hier volgt een abc van woorden en situaties die betrekking hebben op deze nieuwe fase van je leven!

Ciska Noordmans


Wil je meer lezen over het onderwerp, typ dan de woorden in het zoekvenster op de site www.heitenmem.nl

A Apgar-score – Apgar-skoare

Als een kindje net geboren is, wordt het na een minuut al getest en krijgt het meteen zijn eerste cijfers: de Apgar-score. De score geeft een indruk van de algemene conditie van het kindje. De test wordt één, vijf en tien minuten na de geboorte uitgevoerd.

B Borstontsteking – Boarstûntstekking

Boarstûntstekking is in hiele ferfelende en pynlike ûntstekking yn it boarst. Kinst it probearje te foarkommen troch it boarst goed leechdrinke te litten, genôch rêst te nimmen en hurde plakken yn it boarst fuort te massearjen.

C Colostrum – Kolostrum

Colostrum is de allereerste borstvoeding. Het is knalgeel van kleur en zit vol goede vetten, mineralen, eiwitten en vitaminen en helpt het kindje bij het opbouwen van zijn afweersysteem. Het zorgt ervoor dat het kind snel het meconium uitpoept. Na drie dagen verandert de moedermelk van kleur.

D Draagdoek – draachdoek

Sjochst se hieltyd mear, draachdoeken en oare dragers. Nijberne poppen meie al yn in draachdoek, mar wol mei it advys om se op de búk te dragen, mei it gesicht nei dy ta. Dan kinsto goed reagearje op sinjalen fan dyn poppe. 8

9

E Eerste hulp bij kinderongelukken – earste help by berneûngelokken

Jelmer ziet vloeibaar wasmiddel voor limonade aan en neemt een slok. Nynke trekt zich op aan het tafelkleed en kiepert hete thee over zich heen. Jonge kinderen op ontdekkingsreis komen hun eerste levensjaren meestal niet zonder kleerscheuren door. De cursus Eerste Hulp bij Kinderongelukken leert ouders adequaat te reageren.

F Friese slaapliedjes – Fryske sliepferskes

Ier of let moatte alle berntsjes in kear op bêd. Sliepferskes jouwe struktuer oan de dei. Ienfâldige ferskes lizze de basis foar muzikaliteit en lietsjes stimulearje de taalûntwikkeling, wurdskat en taalfeardigens! Op ’e site binne de bekende ferskes oersetten yn it Frysk.

G Geelzucht – gielsucht

Soms wordt de pasgeborene na een paar dagen geel. Dit komt doordat het teveel aan rode bloedlichaampjes moet worden afgebroken door de lever, die daar nog niet helemaal op berekend is. Niet zo erg, zolang het kindje niet te geel wordt, en suf en sloom.

H Huiduitslag – hûdútslach

De hûd fan in lytse poppe is kwetsber en dêrtroch gefoelich foar bygelyks hûdútslach. Yn de liifmoer (baarmoeder) wurdt de hûd


beskerme troch it fruchtwetter en it fette hûdsmar. At de poppe berne is, dan moat de hûd wenne oan de nije omstannichheden, en as reaksje kin der dan pûkelige útslach ûntstean.

I Irritaties aan tafel – Yrritaasje oan tafel

Oefent uw peuter ook zijn fijne motoriek door de poes in te smeren met aardappelpuree, en leeft hij dagenlang op drie kruimeltjes rijstwafel? Veel peuters drijven hun ouders tot wanhoop met hun niet-eetgedrag. Het blijkt dat eetproblemen terug te voeren zijn op de wisselwerking tussen ouders en kind.

J Jarig – Jierdei

dy is soer en byt yn de kwetsbere hûd, mar ek ûntlêsting kin soer wêze en dan wurdt it allinnich mar slimmer. Ferwikselje regelmjittich it ruft (luier).

M Meertalig opvoeden – meartalich grutbringe

Kunnen kinderen net zo goed twee talen leren als één? Er is geen limiet aan wat een kind aan talen kan leren. In sommige landen spreken hele jonge kinderen al drie of vier talen. Meestal helpt de ene taal de andere, en bovendien wordt het door de meertalige opvoeding gemakkelijker om later nog andere talen te leren.

N Navigeren in het Fries – navigearje yn it Frysk

Hoera, ien jier! Jim lytse poppe is no offisjeel in ‘hummel’ .

Kinst dyn TomTom ek ynstelle mei de Fryske frouljusstim fan Richtsje of de Fryske manljusstim fan Romke.

K KISS-syndroom

O Ontbijt – moarnsbrochje

L Luieruitslach – ruftútslach

P Pijnlijke tepels – pynlike tepels

10 procent van alle kinderen heeft het KISS-syndroom. Deze kinderen kunnen uren achtereen ontroostbaar huilen, tot je er wanhopig van wordt. Bovendien draaien ze het hoofd steeds naar één kant en/of overstrekken ze zich. Herkenbaar? Hij/zij zou last kunnen hebben van het KISS-syndroom.

De biltsjes fan lytse poppen binne kwetsber en gau yrritearre. Dat komt foaral troch de urine,

Iedereen weet zo langzamerhand wel dat een ontbijt je ‘motor’ laat opstarten. Het geeft je energie. Het brengt je stofwisseling op gang, je hersenen gaan beter werken en je bloedsuikerspiegel blijft gedurende de hele dag stabieler. Op de site 20 gezonde, simpele én lekkere ontbijttips voor je kinderen!

De tepels moatte faak earst efkes wenne oan de sterke krêft wêrmei’t de poppe deroan


sûget. Troch de lytse poppe de earste dagen net langer as in kertier oan elk boarst te lizzen, kinst dat foarkomme. Lit nei in drinkbeurt de tepels droegje oan de loft.

R Rapley-methode – Rapley-metoade

De Rapley-methode gaat uit van vast voedsel in de natuurlijke vorm. Stukken banaan, wortel, bloemkool, etc. worden aangeboden in (kinder)vuistgrote stukken. Vast voedsel eten kan alleen als het kind al rechtop kan zitten en goede mond-motorische vaardigheden heeft.

S Spreidbroek – spriedbroek

In spriedbroek is in helpmiddel om de heupen fan de poppe yn de goeie stân te krijen. Meastentiids wurdt de ôfwiking, wêrby’t de heupkom it heupgewricht net goed omslút, by it konsultaasjeburo konstatearre. Nei in jier yn in spriedbroek is it probleem meastal wol ferholpen.

T Tomke

Tomke is een voorlees- en taalstimuleringsprogramma in het Fries voor peuters. Tomke beleeft samen met z’n vriendjes en de hond Romke kleine avonturen. Voorleesactiviteiten, liedjes en spelletjes vindt u op de site www.tomke.nl. Ook verschijnt er elk jaar één Tomke-uitgave op papier. 10

11

U Uraten

Dat binne urinekristallen, oranjeread fan kleur, dy’t in baby yn de earste dagen soms útplast. It liket as oft it bloed is, mar dat is it net. Kinst de baby wat faker oanlizze om wat ekstra focht te jaan. Nei in pear dagen ferdwynt it fansels.

W Woordjes – wurdsjes

Tussen de 8 en de 14 maanden zeggen kinderen meestal hun eerste woordje. Meestal is dit een woord met een heldere klank, dat je kindje veelvuldig van je heeft gehoord. In deze Heit & Mem vind je daar meer over.

IJ ijsjes – iisko’s

Zelfgemaakte ijsjes zonder toegevoegde suikers zijn een heerlijke traktatie voor groot en klein. Op de site vind je een aantal recepten om je vingers bij af te likken.

Z Zindelijk – skjin

Omdat de moderne pampers de bernebiltsjes hearlik drûch hâlde, fielt it bern him net sa gau wiet of fiis. Fan sa’n 18 moanne ôf kinne bern bewust de plas en poep ophâlde. Nei it tredde jier wurdt it lestiger om ferkearde gewoanten ôf te learen.


Natuurlijk Ouderschap Opvoeden vanuit vertrouwen


Fiora (bijna 2) klimt op de leuning van de bank en laat zich er kraaiend van plezier moerbeien uit het bakje dat op tafel staat en pakt een kopje hete thee om het aan haar moeder te geven. Drie situaties waarin de meeste ouders hun hart vasthouden of ingrijpen, zeker bij een kind van deze leeftijd. De ouders van Fiora doen dat niet. Ze kijken het rustig aan en vertrouwen erop dat het goed gaat. En het gaat goed.

Fiora’s ouders voeden hun dochter op volgens de principes van het Natuurlijk Ouderschap. ‘Wy folgje Fiora en de natoer’, legt mem Justina van Baal uit. ‘We sjogge har as in folweardich mins. Geregeld ferbaze wy ús oer wat se al wit en kin.’ Heit Rudolf vult aan: ‘Wij luisteren naar ons kind, kijken naar wat ze zelf wil en laten haar dat ook zoveel mogelijk doen.’ ‘We eten bijvoorbeeld wel op vaste tijden. Maar als ze dan niet eet, hoeft dat ook niet. En als ze later wel trek krijgt, dan krijgt ze nog wat’, zegt Rudolf. Justina: ‘Us rol as âlders is om har te begelieden, har de mooglikheden sjen te litten, sadat se har eigen keuzes meitsje kin.’ Rudolf verduidelijkt: ‘Je bent natuurlijk wel de volwassene, dus we geven haar niet helemaal de vrije keuze. Dus niet: wat wil je op je boterham? Maar we geven haar drie keuzes. En dan krijgt ze ook wat ze gekozen heeft. Zodat ze meedoet, en weet dat er naar haar geluisterd wordt.’ Een van de belangrijkste componenten van het Natuurlijk Ouderschap is de hechting. Eén of twee ouders die voor het kind zorgen, en een kleine cirkel daaromheen. ‘Dêr moat se earst fertrouwen yn hawwe, en dan doart se sels wol fierder’, zegt Justina. Ze hebben er dan ook bewust voor gekozen om allebei minder te gaan werken.

12

13

Arjanne Nijp

vanaf vallen. Daarna eet ze wat nootjes en


Ontwikkelingspsycholoog Gerrit Breeuwsma van de Rijksuniversiteit Groningen is bekend met het Natuurlijk Ouderschap. ‘It is in wize fan opfieden dy’t optekene is troch de Amerikaanske dokter William Sears. It idee dêrachter is dat de bern grutbrocht wurde sa’t de natoerfolken yn de rimboe fan Afrika dat ek dogge. Dat klinkt fansels hiel moai, mar wy libje net yn de rimboe. Us maatskippij is hiel oars ynrjochte. Salang as âlders it net sjogge as in ‘heilig moeten’, mar derút helje en brûke wat by harrensels past, kin it wol goed wurkje.

En als het een keer zo uitkomt dat ze allebei tegelijk weg moeten, past Justina’s zus op Fiora. ‘Ik werk liever drie dagen, zodat ik meer tijd met mijn kind kan doorbrengen en ze niet naar een kinderdagverblijf hoeft, dan dat ik vier of vijf dagen werk en meer geld verdien’, legt Rudolf uit. Die keuze heeft wel gevolgen. Justina: ‘Wy wenje bygelyks anty-kraak. Dat skeelt yn de fêste lesten. En wy geane net trije kear per jier op fakânsje.’ Fiora begint intussen moe te worden. Vaste tijden waarop ze slaapt, heeft ze niet. Justina neemt haar op schoot en geeft haar de borst. ‘Ik folgje har no net hielendal, want oars soe ik no mei har op de bank lizzen gean. At se dan yn sliep falt, gean ik der wer by wei.’ Ook ’s avonds valt ze, meestal rond een uur of negen, vanzelf in slaap op een van de schapenvachtjes die er in de woonkamer en keuken liggen. Als Rudolf en Justina zelf gaan slapen, gaat Fiora mee, bij hen in bed. ‘Bij ons werkt het samen slapen heel goed. Maar er zijn ook kinderen die er onrustig van worden. Die zijn beter af in een eigen bedje, of hun eigen kamer’, legt Rudolf uit. ‘Dat hoort ook bij Natuurlijk Ouderschap. Kijken wat voor jou en je kindje werkt.’ Als je altijd je kind en haar behoeftes volgt, waar blijf je zelf dan? ‘Ik bin net minder mysels as ik mei Fiora op de trampoline stean te springen as wannear’t ik mei freondinnen yn de kroech bin.

Om ervaringen te delen, informatie uit te wisselen en contacten met andere ouders te leggen, heeft Justina van Baal het Natuurlijk Ouderschapscafé opgericht. Iedere derde dinsdag van de maand van 9.00 tot 11.00 uur in het café van Neushoorn in Leeuwarden. Meer informatie kun je vinden door lid te worden van de besloten Facebookgroep ‘Borstvoeding, Natuurlijk Ouderschap, speelcafé Leeuwarden.’

Miskien noch wol mear. Dit is in oare faze yn myn libben’, vindt Justina. En wat als ze iets doet wat jij niet wilt? ‘Dat is dan myn frustraasje. Ik nim dan even in momint om ta mysels te kommen en nei te gean wêrom’t it my frustreart. Dêrnei reagear ik pas op Fiora.’ Rudolf: ‘Ze is eigenlijk één grote spiegel, en een hele goede leerschool voor jezelf.’ Bovendien staat er volgens beide ouders ook veel tegenover. Zo is Fiora al heel zelfstandig. Rudolf legt uit: ‘We laten haar bijvoorbeeld vrij rondlopen in de tuin. Ze mag niet bij de sloot, dat weet ze, en dat doet ze ook niet. Natuurlijk kijken we wel hoe het gaat, maar we zitten er niet bovenop. Ze mag bijvoorbeeld wel zelf steentjes in de sloot gooien. En stel nou dat ze er een keer in zou kukelen, dan leert ze daar ook weer van dat ze niet te dichtbij moet komen.’ Voor buitenstaanders is dat wel eens moeilijk. Rudolf en Justina hebben allebei al meerdere malen meegemaakt dat onbekende mensen hun dochter gingen optillen of tegenhouden als ze bijvoorbeeld een trap op wilde lopen. ‘Ze willen haar dan beschermen, maar dat komt voort uit een angst. En wij laten ons niet sturen door angst, maar door vertrouwen’, zegt Rudolf. ‘Uteinlik hoopje we dat se opgroeit ta in jonge frou dy’t op harsels fertrout, har eigen keuzes makket, en wit dat dy net goed of fout binne’, besluit Justina.


Asto lakest sa oprjocht en dyn eachjes twinkelje fan wille, begjint spontaan de sinne te skinen yn h没s en yn myn hert.

14

15


Klasina van der Werf

Mei elk bern in bytsje makliker


‘ Ik merk dat ik hieltyd myn grinzen ferlis’ Doe’t Jeanette van Dellen (36) út Dokkum har earste berntsje krige, dochter Meike, wie se in hiele foarsichtige mem. As it famke gûlde gong se der daliks hinne. Mei de twadde dochter, Senne, waard Jeanette al wat makliker. En de tredde? ‘Jelke lit ik moai syn gong gean.’ Jeanette woe altyd al graach mem wurde. Doe’t se yn 2004 mei har man Sijtze van Dellen troude, koe se eins net wachtsje oant it safier wie. Mar it rûn oars. Nei oardel jier wie Jeanette noch net yn ferwachting en giene se nei dokter. Om’t it net slagge op de natuerlike manier, belâne se yn it IVF-trajekt. Yn july 2008 waard harren earste dochter Meike berne. ‘Yn it begjin wie ik hiel foarsichtich en ik die myn uterste bêst om alles goed te dwaan. As sy nachts even gûlde, helle ik har der fuort út.’ Doe’t Meike in healjier wie, die bliken dat sy heupdysplasy hie. It lytse famke moast twa wiken yn it sikehûs lizze, dêrnei seis wiken yn it gips en doe noch in healjier in spreidbroekje oan. Mei 13 moanne moast se wer operearre wurde, ditkear omdat se in skedelôfwiking hie. Nei de fiif oeren duorjende operaasje hie Meike in hiel grut litteken, fan ear ta ear. ‘Se mocht nearne tsjinoan stjitte, dus wy hiene thús alle skerpe punten ôfdutsen en ik stie oeral altyd op ’e noas by. Ik wie hiel bang dat der wat barre soe. Dat bleau ek sa doe’t se âlder wie.’ 16

17

Jeanette en Sijtze woenen graach in twadde berntsje. Ek dizze kear rekke Jeanette mei IVF yn ferwachting. Op Falentynsdei 2013 waard Senne berne. In hiel maklike poppe. ‘Ik wie sels ek relaxter as by de earste. As se gûlde, liet ik har earst moai gewurde en dan gie it faak fansels wol oer.’ Foar Jeanette en Sijtze wie harren húshâlding mei twa famkes no folslein. Se hienen it poppeguod krekt ferkocht doe’t Jeanette ûntduts dat se wer yn ferwachting wie. Dat kin dochs net, tocht Jeanette. Mar it wie echt wier. ‘Ik ha twa wiken fan ’e kaart west, want ik hie der net mear op rekkene. Boppedat fûn ik it mei twa bern al drok, hoe moast it aanst mei trije?’ Sijtze fûn it daliks fantastysk dat se noch in lytse poppe krigen. Senne wie noch gjin twa doe’t Jelke berne waard. ‘Dat makke de kreamtiid hiel oars. Doe’t Senne berne waard, gie Meike al nei skoalle. No wie Senne altyd thús. As ik Jelke oan it boarst hie, hie Senne fan alles by de ein. Se helle alle kastjes iepen of pakte de billedoekjes út de ferpakking. Dêrtroch krige Jelke as poppe minder oandacht. Ek no’t hy âlder wurdt, lit ik him folle mear syn gong gean as dat ik earder by de fammen die. Hy kriget folle mear de kâns om de wrâld te ûntdekken, want ik kin der net hieltyd by wêze. En as hy in kear falt en bloed hat? Dan pak ik even in doekje. By de earste hie ik dan al yn panyk west.’


‘ Us tredde frege nei in pear jier oft sy net lyts west hie’

It is net altyd sa dat je mei de twadde makliker binne. By ús freget de âldste gewoan mear oandacht en soarch as de jongste! Dêrtroch moatte je derom tinke dat de jongste net ferjitten wurdt. (Alise de Vries) Wy ha foar elk bern sa’n leuk boekje: ‘Myn kreambesite’. Dat fan ús earste stiet hielendal fol. By ús twadde wienen we it boekje wolris fergetten en no mei ús tredde ferjitte we noch faker om it boekje oan besite te jaan... (Jude Deer)

No’t de bern 7, 3 en 1 jier binne, bin ik mei it iten folle stranger. As Meike it iten net lekker fûn, makke ik wat oars foar har. Dêr begjin ik no net mear oan. Se moatte alle trije mei de pot mei ite. As âlders fan trije bern moatst wol makliker wurde. Loslitten giet mei de twadde ek al better. Meike wie 5 jier doe’t se foar it earst útfanhûs gie. Senne hat it dêr no al oer, dus dat sil net lang mear duorje. En de âldste mei, no’t se 7 jier is, sels nei skoalle rinne mei freondintsjes. Dat fûn ik de earste kear hiel spannend, mar ik tink dat Senne wol earder mei har grutte sus mei giet. Ik merk dat ik hieltyd myn grinzen ferlis. Mei de oare bern giest ek folle mear fergelykjen. Meike wie bygelyks al skjin doe’t se trije wie. No tink ik by Senne: gean no even op it potsje, dyn sus koe

Bisto mei dyn twadde bern ek minder foarsichtich? Of hast fan dyn earste bern in prachtich moai fotoboek, wylsto by de twadde (of tredde of fjirde…) soms ferjitst om foto’s te meitsjen? Werkenber? De redaksje fan heit&mem stelde dy fraach op Facebook. Hjirby in oantal reaksjes fan âlders.

Us tredde frege nei in pear jier oft sy net lyts west hie. Der wiene wol in pear foto’s, mar net genôch, of gjin tiid om in fotoboek fan te meitsjen ... Doe ha ’k in hiele simmerfakânsje oan it sykjen, knippen en plakken west ... No hawwe de bern alle trije in fotoboek. (Tjitske Kool) Hiel werkenber. Foaral de foto’s en fotoboeken. It is net dat ik it ferjit, mar der sitte gewoan net mear genôch oeren yn in dei om tiid frij te meitsjen foar it gearstallen fan in fotoboek. (Femke Steensma)

dat al op dizze leeftyd. Mar gjin bern is gelyk. En tusken jonges en famkes sit ek wer ferskil. Jelke is folle dryster yn alles.’ Soms hat Jeanette dagen dat se tinkt: ha ik alle bern wol likefolle oandacht jûn? ‘Mar dat is tink ik mear myn eigen gefoel. Ik ha de bern noch nea kleien heard. Jûns op bêd krije se allegearre in momintsje foar harsels en Sijtze en ik ferdiele de bern sa no en dan, sadat wy om beurten mei elk bern allinne binne. Sa geane Meike en ik om de seis wiken tegearre de stêd yn. Gesellich winkelje en ergens wat drinke. Dêr genietsje wy beide fan. Dan hat de âldste wer even alle oandacht foar harsels. Lykas eartiids.’


Sûnt ik heit wurden bin fan Hidde, bin ik krekt in fotograaf fan in roddelblêd. Elk sjarmant glimke, elk stapke besykje ik te fangen mei it fototastel. Ik wit it: goed sjen dogge jo net troch in lins. En jo moatte seker net tinke dat ik ien fan dy lju bin dy’t by in konsert allinnich mar stean te filmjen. Krektoarsom. Mar toch. Ik kin der net genôch fan krije. Wienen myn âlden ek sa fanatyk? Ik leau it wol. Fan doe’t ik sels in baby wie, binne der aardich wat foto’s en fan myn basisskoaltiid binne ek genôch kykjes makke. Earst kamen dy noch kreas yn in fotoboek, as keurich platdrukte planten yn in herbarium, letter faker sûnder tekst of jiertal yn doazen. Ik bin gek op dy âlde fotoboeken. Tsjintwurdich kinst sa’n boek digitaal meitsje. Hippe filters en allerhande lay-outs stean ta ús beskikking. Net te dreech fansels, want elkenien moat it kinne. Ja, ik ek. Ik wie fan doel om alle moannen in kar út in stikmannich foto’s te meitsjen en dêr in boek fan Hidde syn earste jier fan te meitsjen. Moai idee, leuk ek foar de pakes en beppes. Underwylst bin ik al mear as in jier dwaande en is dat fotoboek noch net klear. Geregeld freegje ik my ôf hoe’t dat no komt. Haw ik tefolle foto’s makke? Fyn ik it dreech om in keuze te meitsjen? Of hâld ik dat jonkje, foar wa’t alles 18

19

Paul van Dijk / www.depenvanpaul.nl

Fotoboek

noch begjinne moat, gewoan net by? Dy kear dat er fia de poef yn it finsterbank bedarre stiet net op ‘e foto. En hoe’t er seach doe’t er foar it earst de sinne op syn gesicht fielde ek net. En dy blik yn syn eagen doe’t er foar it earst snie seach likemin. Gelokkich wit ik dy dingen allegear noch wol. Dat komt troch it boekje dat ik sûnt syn berte byhâld. Under fjouwer eagen praat ik dêryn tsjin myn soan en fertel him wat er allegear docht en seit. Wit troch it boekje dat ien fan syn earste wurdsjes ‘Hidde’ wie. En syn twadde: ‘a-goe’. Wat dat ek betsjutte mei. Mar wêrom’t ik alles fêstlizze wol? Doch ik dat miskien om der letter op weromsjen te kinnen? Tink it wol. Meitsje wy foto’s foar de mominten dat wy ûnwennich fan ús bern binne. Skriuw ik stikjes oer him om dizze tiid net te ferjitten. Wylst hy skielk op syn scooter fuortracet om nei ien of oar feest te gean, blêdzje ik troch it fotoboek. Troch it herbarium mei oantinkens. Fan myn frou hoecht it fototastel trouwens net altyd mei. It boekje ek net. Sy docht it op har eigen manier: ‘Paul, ik ûnthâld it wol’. PS Iepene niiskrekt de fotoboek-software om fierder te gean mei it fotoboek. Krige dit berjocht: Helaas kunt u deze software niet meer gebruiken. Download hier de nieuwe software. Ik kin wer op ‘e nij begjinne.


Ferskes foar op skoat

Hantsjes yn ’e hichte (pak de hantsjes fan de poppe) hantsjes op it hier Hantsjes op ’e ... skouders* (*sels lichemsdiel ynfolje) Hantsjes yn ’e side Hantsjes op ’e flier Tiere-liere-lier Ut: Wimpeltsje Pimpeltsje

Slûpe ... slûpe ... slûpe Dit lytse mûske wol yn ... Anneke* har nekke* krûpe! (*sels namme ynfolje) (*oare lichemsdielen betinke) (Wiisfinger en middelfinger rinne stadich oer it lichem fan it bern) (Eventueel fingerpopke brûke)


Dit is pake, koart en dik. Dit is beppe, dy breidet rikketik. Dit is heit, dy is lang fan lea. Dit is mem, dy smart ús deistich brea. Dit is Jantsje, ús lytse mantsje. En de hiele famylje is …* syn/har hantsje. (*sels namme ynfolje) (Alle fingers, fan tomme oant en mei pink, bydel) Ut: Hop Hop Hynke

Sa rydt in heare-koets HEARE-KOETS! / HEARE-KOETS! Sa rydt in nije sjeas, NIJE SJEAS! / NIJE SJEAS! Mar sa rydt in bolderwein, BOLDERWEIN! / BOLDERWEIN! Sa! / Sa! (Mei elts ferfiermiddel wylder hippe) Ut: Hop Hop Hynke

Tingeling, tingelingeling (om bar oan beide earkes lûke) Doarke iepen, doarke ticht (de eachjes binne de doarkes) Trep ôfrinne (noas fan boppen nei ûnderen) Fuotfeie (finger hinne en wer ûnder de noas) Deryn! (finger yn ’e mûle) Ut: Hop Hop Hynke

Klap de hantsjes (pak de hantsjes fan de poppe) Klap, klap, klap. Stamp de fuotsjes (pak de fuotsjes fan de poppe) Stap, stap, stap. Klapperdeklap Stapperdestap O, wat is dy ...* knap! (*sels namme ynfolje) Fan: Tomke CD-Tomkefoarstellings

20

21


Idske Bangma

Taalûntwikkeling by jonge bern giet eins fansels… mar wol leuk om wat mear fan te witten!

Watfoar taal/talen biede jim it bern? Wat prate de minsken yn de direkte omjouwing? De (twa)talige ûntwikkeling op in rige! Yn watfoar faze sit dyn bern?

0-6 moanne

• herkent stemmen van de personen in de naaste omgeving. • huilt om duidelijk te maken wat hij/zij wil. • reageert op geluiden. • is gevoelig voor intonatie van personen in de omgeving. • communiceert al actief. • brabbelt, doet klanken na. • speelt met de effecten van toonhoogte, volume en verschillende klanken.

6-12 moanne

• reageert op zijn/haar naam. • brabbelt en vormt klanken zoals: da-da, gaga, dat lijkt al op taal. • begrijpt het verschil tussen een vaststelling (‘Ja, dat is een boekje, heel goed!’) en een vraag (‘Wil je een boekje lezen?’). • reageert op intonatie, welke talen er ook worden gebruikt. • oefent zijn/haar mimiek, imiteert, doet geluiden na die volwassenen maken, zoals kuchen.


1-2 jier

Een baby herkent de klanken van stemmen al in de buik. Taalontwikkeling begint dus al voor de geboorte. Bij de geboorte hebben alle kinderen het vermogen van taalverwerving, al is het ene kind wel taalgevoeliger dan het andere en pikt het ene kind taal/talen sneller op dan het andere. Daarnaast bepalen de taalinput en taalomgeving de verdere groei en ontwikkeling van die taal/talen – dat geldt zowel voor eentalige als voor tweetalige gezinnen, welke talen er dan ook gebruikt worden door de vader en/ of moeder. Jonge kinderen experimenteren met talen en gebruiken talen door elkaar, dat is niet erg! Als kinderen vanaf de geboorte tweetalig worden opgevoed, kennen ze op 5- of 6-jarige leeftijd eigenlijk voor alle woorden de betekenis in beide talen.

22

23

• zegt zijn/haar eerste woordjes. • neemt actief deel aan een gesprek, vooral met lichaamstaal. • begrijpt veel meer woordjes dan het kan zeggen. Begrip komt altijd eerder dan spraak. • begrijpt al veel woorden bij een tweetalige opvoeding. • bij 1,5 jaar spreekt het meestal in éénwoord-zinnetjes. • eerst komen de zelfstandige naamwoorden, daarna de werkwoorden. • combineert woordjes tot tweewoordzinnetjes, zoals ‘Niet slaap’.

2-3 jier

• praat meer. • is beter te begrijpen. • communiceert nog steeds veel via lichaamstaal. • het feit DAT het kind praat is belangrijker dan HOE het praat. • de mensen die het kind veel zien, kunnen hem/haar begrijpen als hij/zij praat. • gebruikt sommige klanken van de taal nog niet, maar langzamerhand verschijnen deze klanken nu toch in zijn of haar spraak. • mixt talen door elkaar, bij een tweetalige opvoeding. • vertelt wat hij/zij ziet of meemaakt.

3-4 jier

• kent passief al veel begrippen, de uitbreiding van de actieve woordenschat komt nu ook in een stroomversnelling. • gebruikt langere zinnen. • heeft bij het voeren van een gesprekje geen hulp meer nodig. • de uitspraak van het kind is al duidelijker en hij/zij kan zichzelf gemakkelijker verstaanbaar maken. • stelt veel vragen. • controleert zijn/haar eigen taalvermogen: ‘dit is een krant, hè?’. • geeft overal commentaar bij. • begrijpt bijna alles in beide talen, bij een tweetalige opvoeding.


Tips voor een tweetalige (Friese en Nederlandse) taalontwikkeling:

Praat, zing en lach tegen jullie kind

Interactie met volwassenen is belangrijk voor het kind. Ook een baby kan zich vervelen als hij niet talig geprikkeld wordt! Als het kind genoeg klanken van de Friese taal of van het Fries ĂŠn het Nederlands hoort, helpt dat hem in zijn verdere taalontwikkeling.

Taal is leuk, doe spelletjes

Doe taalspelletjes; rijmpjes, (opzeg) versjes, schootliedjes, raadseltjes, toneelstukjes en kiekeboe-achtige spelletjes zijn geschikt voor jonge kinderen. Gebruik de Friese taal bij de spelletjes.

Denk na over de talen die jullie je kind willen bijbrengen

Maak taalafspraken

Vraag mensen in jullie omgeving om Fries te spreken tegen jullie kind, blijf volhouden, ook al spreekt het kind Nederlands terug. Denk eraan, het Nederlands is heel dominant en Friezen zijn eraan gewend om zich aan te passen. Jij zult anderen er zeker aan moeten herinneren dat zij niet hoeven over te schakelen op het Nederlands.

Als jullie beide een andere moedertaal hebben, en je wilt dat jullie kind beide talen goed leert, dan kunnen jullie het beste gelijk vanaf het begin consequent elk de eigen taal tegen jullie kind gebruiken. Ook een derde taal kan prima, een kind snapt meerdere talen best!

Houd vast aan je eigen moedertaal

Als jij Fries spreekt en je partner Nederlands (of andersom), praat dan ook in je eigen taal tegen elkaar en schakel niet automatisch over op het Nederlands. Het kan eerst wat vreemd voelen dat jullie elk een andere taal tegen elkaar praten, maar het zorgt er wel voor dat het onderscheid tussen de talen nog duidelijker wordt voor het kind, en het Fries niet verloren gaat. Jullie kunnen dit ook tijdens vaste momenten proberen, bijvoorbeeld tijdens het avondeten.

Denk na over een Fries- of tweetalige peuterschool of kinderdagopvang

www.sfbo.nl Meertaligheid is een rijkdom! Er zijn veel goede kindercentra en scholen met een meertalig beleid.

Denk ook eens na over een Drietalige basisschool (er wordt lesgegeven in het Nederlands, Frysk en English!)

www.3ts.nl

Kijk voor meer tips en informatie op www.taalgroeimeter.nl


BERNEPRAATSJES Hat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei ynfo@heitenmem.nl.

Doe’t Rixt (2) mei heit nei it sikehûs ta gie om de lytse poppe op te heljen, sei se fol ferwûndering: ‘Oh heit, dit is wol in hiele grutte winkel!’

Doe’t Marije (5) fan heit hearde dat der in lytse poppe komme soe, frege se ferbjustere:

Johannes (3): ‘Ik bin ek geboaren,

‘Wit mem dat wol?’

mei heit syn boarmasine!’

Doe’t mem noch mar krekt yn ferwachting wie fan de tredde,

Amarins (2) leit in

kamen har beide jonges fan 3 en 5

hân op mem har

by har. ‘Mem? Meie wy ek noch in

boarst en freget: ‘Dêr sit in baby yn, hè mem?’

baby?’ De jonges wisten it goede nijs noch net en mem beslút in foarsichtich antwurd te jaan. ‘Wy sille sjen, jonges, wa wit…’ Mar mei dat antwurd is har jongste soan net tefreden. ‘No, dan freegje ik it wol oan heit! Dan mei it wol!’

Julia (5) wit krekt hoe’t it sit. ‘Jongens worden geboren uit heities en meisjes worden geboren

Sjoerd (3): ‘Mijn broertje

uit memmies.’

drinkt altijd uit jouw borstels, hè mama?’

24

25


Ciska Noordmans

Tiid foar

2

Wat ûndernimme mei dyn lytse poppe of pjut kin hiel gesellich wêze. It fersterket de bân tusken âlder en bern as jim beide genietsje. En in bykommend foardiel: ast yn in groep wat ûndernimste, trefst ek oare heiten en memmen. Hjir fynst de favorite aktiviteiten fan heit&mem-Facebookfolgers fan 8 maart ll. Sels noch eefkes googelje foar in oanbieder tichtby.

Tegearre swimme Babys genietsje fan it gefoel dat se hast driuwe yn it wetter; sjochst de wille as se mei hantsjes en fuotsjes slane. It is moai om te sjen hoe’t babys genietsje, en dêrby fersterket it ek jim ûnderlinge bân. Ommers, as jim tegearre swimme moat de poppe op dy rekkenje kinne, en fansels moatsto derop fertrouwe kinne dat dyn lytse sprút al hiel wat mânsk is yn it wetter. Kinst mei lytskes fan twa moanne ôf te swimmen gean.


Mei mem (of heit) muzyk meitsje Alle babys binne gefoelich foar muzyk. En sy belibje dêr ek echt wille oan! Muzyk kin bern helpe om ûnder oaren harren taal- en motoaryske feardichheden te ûntwikkeljen. It lústerjen nei muzyk fergruttet de konsintraasje. Muzyk en lûd stimulearje ek de motoryk. In poppe/pjut dy’t muzyk heart, begjint faak spontaan mei te bewegen, te klappen en te dûnsjen. En by heit of mem op skoat hawwe bern in feilich en fertroud plakje om al sjongend en lústerjend te oefenjen mei taal en spraak.

Yn balâns mei Carryoga Carryoga is in spesjale foarm fan yoga en noch frij nij yn Fryslân. Dizze foarm rjochtet him op ûntspannende oefeningen foar mem/heit mei de lytse yn in draachdoek. Sa kinst ferskillende oefeningen dwaan, mei it berntsje tsjin dyn búk of rêch oan. In soad babys falle as in blok yn sliep ûnder de les. Trochdat âlder en bern elkoars hertslach fiele, komme se beide ta rêst. Kinst sân wiken nei de befalling mei Carryoga begjinne. Yn de measte lessen wurdt ekstra omtinken jûn oan de búk- en bekkenboaiemspieren.

Babymassaazje De feilichheid en waarmte út de tiid yn mem har búk kin in poppe wolris misse. Do kinst in berntsje gerêststelle troch tsjin him te praten, him oan te krûpen, súntsjes te widzjen of sêft te massearjen. Babymassaazje stimulearret it sykheljen en de groei fan lichem en brein, en it wurket posityf op it ymmúnsysteem. Foar popkes mei termkrampen en ferstopping is in massaazje meastentiids ek hiel noflik. Hast álle popkes sliepe as in roas nei sa’n sessy. 26

27


Dieuwke van der Meer


De babykeamer

28

29


Twa jier wennet Hester Kooistra no mei har man Erik yn Winsum. Trettjin moanne lyn is harren soan Julian berne. ‘Doe’t wy dit hûs foar it earst seagen, wie it hiel tryst en tsjuster. Gelokkich koe myn Erik, dy’t timmerman is, dêrtrochhinne sjen.’ Ast Hester har hûs ynkomst, kinst fernimme dat ynrjochting har hobby is. Hester har hiele hûs is yn styl: ljochte kleuren, hout en swart/ wite kaartsjes mei moaie teksten en oare prachtige aksessoires siere de keamer. De babykeamer is lyts, mar prachtich. Op de doar hinget Julian syn bertekaartsje, dat like bysûnder is as it keammerke sels. ‘Ik ha it kaartsje sels makke. Doe’t Julian der noch net wie, ha ik al oefene mei it fotografearjen. Doe lei der allinne noch in tekken. It gedichtsje ha ik fan heitenmem.nl.’ It keammerke strielet waarmte en rêst út. Hester wit oeral wol wat oer te fertellen. ‘It trepke hiene se oer op myn wurk. Dat ha ik sels yn de wite lateks set. It houten treintsje ha ik

by de kringloopwinkel wei. Dêr fine je faaks de moaiste dingen. It wite berteboerd ha ik fan myn freondinne krigen, dy’t ek sa kreatyf is. Ik fyn it prachtich! Doe’t ik it krige, wist ik fuort dat it hjir op Julian syn keammerke hingje moast. En dy grutte sulveren auto hat Julian fan syn heit krigen. Doe’t er noch in lytse poppe wie, hat er derop lein te koesen foar in newborn-fotoshoot. Dy foto is sa moai wurden! De brune kiste ha ik sa kocht, mar ik ha sels de wite letters derop makke. Yn de kiste sitte de kaartsjes dy’t ik krigen ha foar syn berte, syn earste pakje en alle oare dingen dy’t mei syn berte te krijen ha. De kommoade ha ik fan Marktplaats, it is eins gewoan in dressoir, mar wurket prima. It wolkje dat derboppe hinget ha ús mem en tante makke. Us heit en mem ha altyd troch omstannichheden ús mem har freondinne har autistyske dochter yn ’e hûs hân. Ik ha in hiele goeie bân mei de mem fan myn pleechsus en dat makket it wite hert op it trepke dat se sels prachtich beskildere hat ekstra spesjaal.’


30

31


Monique Flinker

Kinderopvang: een wereld in ontwikkeling Het is heerlijk om die eerste maanden volop te genieten van jullie kleine. Maar er komt een moment dat het verlof afloopt en het werk weer roept. Veel ouders kiezen er dan voor om hun kind enkele dagen per week naar de kinderopvang te brengen. Maar daar is veel veranderd en ook de komende periode staat er veel te gebeuren.

Harmonisatie. Een ambtelijk woord waar minister Lodewijk Asscher de mond vol van heeft. Waar komt dat nu eigenlijk op neer? Het onderscheid tussen kinderopvang en de peuterspeelzaal verdwijnt. Alles wordt ondergebracht in één organisatie. De voordelen? Minder wisselingen voor kinderen. En een beter inzicht in de ontwikkeling van de kleintjes. Sinne kinderopvang in Leeuwarden is een van de organisaties die deze verandering al heeft doorgevoerd. Bijkomend voordeel is dat alle medewerkers op dezelfde manier geschoold zijn, vertelt stafmedewerker pedagogiek Ellis van der Meulen. ‘Ze werken dus ook allemaal op dezelfde manier, en dat is prettig voor de kinderen.’ Doordat het onderscheid tussen voorschoolse kinderopvang en de peuterspeelzaal wegvalt, zijn er ook minder overgangen. ‘We volgen het kind van 0 tot 4 jaar. Als een kind naar groep 1 gaat, geven we de basisschool ook informatie door. Zo krijgt het kind in de kleutergroep de begeleiding die bij hem past’, vertelt Van der Meulen. Het is beslist nodig dat wij kinderen stimuleren in hun ontwikkeling, denkt ze. Want wanneer

kinderen met een achterstand aan de basisschool beginnen, wordt die bijna nooit meer ingehaald. ‘De kans is zelfs groot dat het alleen maar erger wordt.’ Vroeger was de gedachte dat het leren begon bij kinderen tussen de vier en de zes jaar. ‘Maar op twee- of driejarige leeftijd gebeurt er al ontzettend veel in de ontwikkeling van kinderen. Daar spelen wij op in.’ Juist daarom is het goed dat kinderen met en zonder taalachterstand gemixt worden. ‘Wanneer je een aparte groep hebt voor kinderen met een achterstand, kunnen ze elkaar ook nooit versterken. Daarom letten wij hier extra op.’ Door de scholing van de medewerkers van de opvang kunnen ze daar ook gericht mee aan de slag. ‘Het is meer dan alleen knutselen, spelen en liedjes zingen. We werken al vanaf de jongste leeftijdsgroepen met methodes en thema’s. Bij alle kinderen van de dagopvang en speelleergroepen werken wij bijvoorbeeld met Uk & Puk.’ Je ziet op elke groep materialen, boeken en spelactiviteiten rond een thema. Die thema’s passen bij de belevingswereld van jonge kinderen. ‘Bijvoorbeeld ‘Regen’, ‘Knuffels’,


Foto: Sinne kinderopvang

Kinderopvang in de wet ‘Ik& mijn familie’ of ‘Eet smakelijk!’ Ouders krijgen foto’s in de speciale ouder-app.’ Die ontwikkeling merken ouders zeer zeker op, vertelt Van der Meulen. ‘Wij hebben hier ouders die al drie kinderen op de opvang hebben gehad. Zij zien duidelijk verschil. Pedagogisch medewerkers zijn beter geschoold en er zijn meer activiteiten voor de ontwikkeling van een kind.’ Een andere ontwikkeling is het ontstaan van IKC (Integrale Kindcentra). Dit is een samenwerking waarbij basisschool, kinderopvang en soms nog een andere welzijnsorganisatie onder één dak zitten. ‘Op die manier heeft de school één samenwerkingspartner. Dat overlegt heel makkelijk. Bovendien komen kinderen van jongs af aan op dezelfde plek, dus daar raken ze mee vertrouwd.’ Dan is er nog het verhaal van de financiering. Ouders krijgen nu nog kinderopvangtoeslag, afhankelijk van hun inkomen. De regering wil daar vanaf 2018 verandering in brengen: dan zou de toeslag regelrecht naar de kinderopvang gaan. Dit moet fraude voorkomen en de financiering makkelijker maken voor ouders. De kinderopvangorganisaties zijn er minder over te spreken. Zij zijn bang dat ze juist meer risico’s lopen. ‘Elk jaar verandert er wel iets in de financieringsstructuur. Er is geen peil op te trekken. Dat is vervelend. Voor ons, maar ook voor de ouders’, concludeert Van der Meulen. 32

33

Een kinderopvang is tegenwoordig veel meer dan alleen een oppasplek. Grofweg staan er vier doelen in de wet voor de kinderopvang. Dat zijn: •

Het bieden van fysieke en emotionele veiligheid Veiligheid en geborgenheid zijn voor kinderen voorwaarden om zich te kunnen ontspannen en om zichzelf te kunnen zijn. Pas wanneer een kind zich veilig voelt, kan het zich gaan ontwikkelen. Het gaat bij dit punt met name om de emotionele veiligheid, maar een fysiek veilige omgeving is minstens zo belangrijk

Het bevorderen van de persoonlijke competentie Hieronder vallen de ontwikkeling van veerkracht, zelfstandigheid, zelfvertrouwen en flexibiliteit. Maar ook de motorische en creatieve ontwikkeling (spel, muziek) en de ontwikkeling van taal en cognitie vallen hieronder

Sociale competentie Voor het bevorderen van de sociale competentie biedt de groep in de kinder­ opvang een unieke oefenplek. Kinderen stimuleren in het openen van perspectief, communiceren, delen, samenwerken, helpen en conflicten oplossen vallen onder dit sociale doel

Socialisatie of de overdracht van normen en waarden Het zich eigen maken van de regels, normen en waarden, de veelkleurige cultuur van de samenleving


Joazefine is siik Kij binne ek wolris siik! Op in moarn by ’t melken fielt Joazefine har slop en wurch. 
Wat wibelich stiet se op har fjouwer poaten. Se hoecht gjin iten en wol allinne mar fuortkrûpe ûnder it strie. Foar de boerinne is it dúdlik: Joazefine is ferklomme!
It hiele programma wurdt ôfwurke: poatwynsels, krûdetee en koartstermometer.
As it dan wer in bytsje better mei har giet, en se wurdt troch har freonen lekker bepopke, tinkt Joazefine: siik wêze is sa gek noch net ...

Joazefine

De boeken fan Joazefine binne prachtige printeboeken dêr’t in hiel soad yn te sjen is. Se binne geskikt foar bern fan 4 jier ôf. De boeken binne makke troch Alexander Steffensmeier en se binne foar € 13,95 te krijen yn de boekhannel.

Wêr sit Joazefine? Joazefine de ko hat it alderbêste weikrûpplakje útsocht. Sá goed, dat gjinien har fine kin. Mar hoe moat se der no wer wei komme? Nei ûnderen springe doart se net, dus moatte har freonen nei boppen ta om har te helpen. Mar wat te dwaan as dy der ék net mear wei komme kinne? De boerinne wit ried …

34

35


Yllustraasje: 34 35 Alexander Steffensmeier Út: Wêr sit Joazefine?


Ciska Noordmans


20+ Mem Wie jim poppe pland? Lotte: ‘Ik kaam by de earste help yn it sikehûs fan­ wege in nierbekkenûntstekking. ‘Do bist al 15 wiken yn ferwachting’, sei de arts doe by it ûndersyk. Dat kaam as in tongerslach by heldere himel.’ Wat hat de komst fan jim berntsje teweechbrocht? Lotte: ‘Ik skrok ferskriklik fan it boadskip fan de gynekolooch. Ik moast gûle. Mitchel is stjoerman op in skip en ik ha ’m fuort opbelle. Hy wie der earst ek ôf. Wy hienen noch flink oan it feesten west yn dy earste wiken doe’t ik swanger wie. Ik ha deroer ynsitten oft it berntsje dêr ek wat fan oerhâlde soe. Fia Marktplaats hawwe wy de babyútset byelkoar socht. Wy hienen krekt in hús tawiisd krigen doe’t wy hearden dat ik swanger wie. De hiele famylje hat holpen it allegear foarmekoar te krijen.’ (Hoe) kombinearresto wurk mei in lytse poppe? Lotte: ‘Nei de swangerskip is myn kontrakt ynearsten net ferlinge, dat ik ha no tiid foar Ruben. Fansels kinne wy it jild goed brûke en ik hoopje dat ik mei yngong fan 1 july wer foar trije dagen oan it wurk kin. No moat ik miskien noch opereard wurde oan in hernia. Us mem sil op Ruben passe as Mitchel der net is.’ Wat fine heit/mem en jim freonen derfan? Lotte: ‘Us mem wie mei nei de gynekolooch en moast ek gûle doe’t se de lytse poppe op de 36

37

Namme: Lotte Messemaker-van der Meer Wenplak: Feanwâlden Berne op: 16 oktober 1995 Relaasje mei: Mitchel Soan: Ruben, earste berntsje Berne op: 10 febrewaris 2016 Karakter: maklik foar ús as âlders, mar prikkelber as der oaren yn byld komme Favoryt: In blokje om mei de bernewein. Ruben is alert en heart allerhande lûdsjes fan fûgels en minsken.

echo seach. Sy hie fansels ek soargen oer hoe’t it allegear mei ús komme soe. Us heit sei ‘Stom!’ mar is ûnderwilens in grutske pake. Us heit en mem hawwe ús geweldich holpen om alles foarinoar te krijen. Beide skoanâlders wenje yn Wassenaar en wienen fuort út ’e skroeven. Myn freondinnen wurkje op in bernedeiferbliuw en hawwe njoggen moanne mei ús meilibbe.’ Hoe reagearret de omjouwing? Lotte: ‘De freonen fine it leuk, mar net elkenien is entûsjast. Guon âldere froulju dy’t graach ek swanger reitsje wolle, reagearje wolris jaloersk. Der binne ek guon minsken dy’t it fan my oernimme wolle; se lûke my Ruben út ’e hannen wei of krije ’m út ’e bernewein. Ik tink net dat se soks dwaan soenen as ik âlder west hie. Ik ha it gefoel dat ik my bewize moat. Ik moat no leare om foar mysels en foar Ruben op te kommen.’ Fynsto dat der foardielen sitte oan mem wurden op dizze leeftyd? Lotte: ‘Ruben hat in jonge mem en ek in jonge beppe (48). Ik kin aanst alles mei him dwaan, mei him skommelje en tegearre op de trampoline springe, dat is fêst oars asto âlder mem wurdst. Mar ús finansjele basis is wat smeller; wy hawwe noch net sa’n soad wurkje en sparje kinnen.’


Namme: José Lemstra Wenplak: Wijk bij Duurstede Berne op: 8 desimber 1973 Relaasje mei: al 9 jier mei Anne Hielke Soan: Sybe, earste berntsje Berne op: 25 jannewaris 2015 Karakter: meastentiids rêstich en beskôgjend, jout dúdlik syn grinzen oan, technysk Favoryt: José en Sybe boartsje graach op it kleed mei de duplo, gean tegearre te babyswimmen of drinke wat mei elkoar op in terraske

Wie jim poppe pland? José: ‘Wij hadden geen uitgesproken kinderwens. We hebben ons laten verrassen; een kindje zou welkom zijn bij ons, maar we waren het erover eens: we gaan niet ‘dokteren’. ’Wat hat de komst fan jim berntsje teweechbrocht? José: ‘Ons leven was ook zonder kind goed ingevuld met een mooie balans tussen werk, inkomen en vrije tijd. We zijn echte levensgenieters. Met de komst van Sybe stond onze wereld volledig op z’n kop. Voor de komst van Sybe was ik parttime nanny bij een gastgezin en hield ik bij bezig met het ontwerpen van, en bloggen over haak- en breipatronen. Ik besef dat ik in een luxe positie verkeer, maar mijn focus ligt nu volledig op Sybe. Ik heb mijn baan als oppas opgezegd en ben thuis als fulltime mama in functie.’ (Hoe) kombinearresto wurk mei in lytse poppe? José: ‘Aan betaald werk kom ik even niet meer toe. Met de komst van Sybe is de discipline voor het schrijven ook even weg. Maar we verkeren in de gelukkige omstandigheid dat Anne Hielke een goede baan heeft en daardoor kan ik mij nu volledig op de opvoeding van Sybe richten.’

40+ Mem Wat fine heit/mem en jim freonen derfan? José: ‘Mijn moeder was blij. Mijn schoonmoeder uit Lemmer was superverrast. We hadden een slabbetje voor haar ingepakt. Toen ze het uitpakte, keek ze ons eerst wat glazig aan, voordat ze uit haar dak ging. Ze had er niet op gerekend dat ze nog een keer beppe zou worden. Sybe is haar achtste kleinkind. De oudste ‘beppesizzer’ in de familie was 30 toen Sybe zich aankondigde. Ook de broers en zussen vinden het leuk, zo’n ukkie in de familie.’ Hoe reagearret de omjouwing? José: ‘Onze vrienden vinden het hartstikke leuk, maar spontaan even op bezoek gaan lukt niet meer. We moeten nu meer plannen. Ik krijg eigenlijk nooit vervelende opmerkingen te horen over mijn leeftijd.’ Fynsto dat der foardielen sitte oan mem wurden op dizze leeftyd? José: ‘Ik heb mij helemaal kunnen uitleven in de periode vóór Sybe. Ik heb alle dingen gedaan die ik graag wilde doen en van de vrijheid genoten. Nu heb ik de rust en de levenservaring om mij volledig aan het moederschap te wijden. Ik was er in mijn tienerjaren nog niet klaar voor om moeder te worden; ik moest nog zoveel uitzoeken. Misschien dat jonge moeders fysiek sneller herstellen van een bevalling.’


38

39


Verpleegkundige op de afdeling kraam/verloskunde, Nij Smellinghe, Drachten

Mirjam Boven Sleutels? Check! Tas? Check! Adressen? Check! Mooi, dan kan ik gaan. Zojuist heb ik samen met de gynaecoloog gekeken naar de hartfilmpjes die de dames van de thuismonitoring hebben ingestuurd. Ze zagen er allemaal prachtig uit! En dus kan ik nu even bij hen thuis kijken. Sinds de start van de thuismonitoring in Nij Smellinghe in 2011 ben ik samen met negen andere collega’s lid van het thuismonitoringteam. Daar waar zwangere vrouwen voorheen opgenomen werden om in het ziekenhuis geobserveerd te worden, kunnen ze nu in veel gevallen thuisblijven. De eerste keer oefenen we samen, daarna maken de zwangeren zelf één keer per dag een hartfilmpje met een klein apparaatje van Sense4Baby. Via een smartphone wordt de CTG naar het ziekenhuis gestuurd. Bij het eerste adres word ik bij de deur ontvangen door een klein meisje in een verpleegsterpakje. Hier ben ik eerder geweest en ik weet dat ze me heel graag wil helpen. In de kamer zet ik de tas bij haar neer en vraag ik of ze voor mij de spulletjes eruit wil halen. Ondertussen kan ik mama vragen hoe het gaat. De baby in de buik van deze moeder blijft wat achter in groei. Daarom willen we graag elke dag weten hoe het kindje zich voelt en of mama de baby nog voldoende voelt bewegen. Gelukkig blijkt dat allemaal goed te gaan. De bloeddrukmeter wordt mij aangereikt door mijn ‘mini-collega’. Terwijl ik bij mama de bloeddruk

meet, krijgt de pop naast ons op de bank ook een volledige check-up. Met beide patiënten gaat het goed. Even later word ik door mama en mijn ‘mini-collega’ uitgezwaaid tot aan het einde van de straat. Op naar de volgende! Het is een halfuurtje rijden tussen het ene en het andere adres. Ik moet in een klein dorpje in het noorden van Friesland zijn. Ondanks mijn routeplanner op de telefoon kan ik het niet snel vinden. Ik blijf voor mijn gevoel maar rondjes rijden. Aan het eind van het derde rondje zie ik ineens waar ik moet zijn. De zwangere staat met een brede glimlach bij de deur te wachten. ‘Ik heb nog naar je gezwaaid, maar je was zo druk met zoeken.’ Ehm ja ... bloos. Snel naar binnen dan maar. De aanstaande moeder voelt zich goed en heeft geen vragen over de apparatuur. We praten nog even over het feit dat het zo fijn is dat ze de bevalling thuis kan afwachten. Zelfs met te vroeg gebroken vliezen. Alle controles zijn goed, de buik is rustig en dus kan ik weer terug naar het ziekenhuis. Daar moet ik alle gegevens nog in het dossier vermelden. Ik heb nog maar net één voet op de afdeling gezet of ik word al met een warme glimlach ontvangen door mijn collega’s. ‘Wat fijn dat je er bent! Op verloskamer 3 gaat bijna iemand bevallen. Kun jij daarbij zijn?’ Dus hop, uniform aan, en als klap op de vuurpijl ben ik even later bij de geboorte van een prachtig meiske!


Kreamkadootsjes op syn Frysk

In lytse poppe regelet syn lichemstemperatuer troch waarmte ôf te jaan fia it holtsje. De poppe kin dêrtroch ek tefolle lichemswaarmte ferlieze, dêrom is it ferstannich om lytse poppen altyd in mûtske op te setten. Soargje derfoar dat it mûtske minstens oer de earen komt. Mûtske foar de lytse poppe mei de tekst ‘jonkje’, ‘famke’ of ‘lytse pop’. € 5,95

Koesen giet it lekkerst mei in hearlik sêfte Koeserknyn! Yn de kleuren rôs, blau, wyt en griis te krijen. € 9,50

40

41

Yn dit boekje kin de kreambesite spesjaal foar de lytse poppe in winsk efterlitte. It boekje stiet fol nijsgjirrige ynformaasje en moaie yllustraasjes. In hiel geskikt kreamkadootsje! € 7,50

It earste jier fan dyn poppe sit fol mei moaie mominten. De earste laits, it earste toskje en de earste wurdsjes. Lis alle belangrike mominten fêst mei dizze Fryske kiekjeskaarten. Brûk se foar ast dyn poppe op de foto setst of plak se yn it babyfoto-album. € 13,95 (foar 14 stiks)

Boppesteande produkten binne allegear te bestellen fia www.afuk.nl of te heljen by de Fryske boek- en kadowinkel fan de Afûk yn Ljouwert (skean tsjinoer de Aldehou).


Nynke van der Zee

Sliepe as in prins/prinseske De tûme yn ’e mûle, de koesknuffel tsjin it wang en de eachjes tefreden ticht. Der is neat moaier as in berntsje dat hearlik leit te sliepen. Mar der binne genôch poppen en pjutten dy’t it flink yn ’e kant sette as se op bêd moatte. Wat kinst dwaan as sliepen in nachtmerje wurdt?

De sinne skynt fleurich op it dak fan de beide sliephûskes as Myja Zijlstra twa pjutten klearmakket om op bêd. Mei tolve lytse pjutten yn de leeftyd fan 10 wiken oant 4 jier wurdt der hiel wat ôfslept by bernedeiferbliuw Bernewrâld yn Reduzum. ‘It lekkerste koest it toch wol yn dizze sliephûskes’, seit Myja, wizend nei de twa ‘kninehokken’ dy’t yn de tún stean. ‘De lûden fan de fûgels, de sûne bûtenlucht en it knusse hûske meitsje dit in ideaal sliepplakje.’ It duorret mar efkes of beide pjutten binne yn dreamelân. Goed foar lichem en geast Alle poppen en pjutten hawwe ekstra sliep nedich om de dei troch te kommen. ‘Slapen is essentieel voor de groei van baby’s en peuters’, knikt Daniëlle Hendriks, sliepdeskundige by it Centrum voor Slaap- en Waakstoornissen fan MCH Westeinde yn Den Haach. ‘Tijdens de slaap doen kinderen niet alleen nieuwe energie op, maar slaap is ook onmisbaar voor hun groei en ontwikkeling. Prikkels en avonturen die kinderen overdag hebben meegemaakt, worden verwerkt tijdens de slaap. Alle indrukken krijgen zo een eigen plekje. Tijdens de slaap hebben de hersenen de tijd om al deze informatie op te slaan en te ordenen. Slaap is dus essentieel voor zowel lichaam als geest.’ Dochs is it net altyd like maklik om bern yn ’e sliep te krijen. Der binne lytskes by dy’t flink protestearje

as se op bêd moatte. ‘Het eerste halfjaar hebben baby’s nog geen duidelijk slaapritme’, leit Daniëlle út. ‘In de buik nemen ze het ritme van de moeder over. Bij een pasgeboren baby is het dan ook belangrijk om je kindje een vast ritme aan te bieden, zodat het op bepaalde tijdstippen het hormoon melatonine aanmaakt waardoor het in slaap valt. Dit hormoon zorgt uiteindelijk voor een eigen biologische klok bij baby’s. Zonder melatonine geen slaap.’ In machtsstriid op bêd As poppen yn it begjin lestich yn sliep komme, kin dat meardere oarsaken hawwe, wit Daniëlle. ‘Het kan zijn dat ze overprikkeld raken doordat de ouders het te druk hebben. Daardoor ontstaat er bij de ouders een stressstofje en dat merken baby’s meteen. Die stress nemen ze over, waardoor slapen lastig wordt. Wat ik bij veel ouders merk, is dat slapen daardoor een machtsstrijd wordt tussen ouders en kind. Dat kan nooit de bedoeling zijn. Je kunt een kind niet dwingen om te slapen. Slapen moet geen straf worden, maar een mooi, intiem moment zijn tussen jou en je kind.’ Ek by bernedeiferbliuw Bernewrâld wurdt fan sliepen in moai momint makke. ‘Wy nimme rêstich de tiid om de bern op bêd te dwaan en ha by elk bern in eigen ritueel’, fertelt Myja. ‘De iene


‘ As bern lekker sliepe, krije se de kâns om te groeien’

5 tips foar it sliepen •

Meitsje it tsjuster yn ’e sliepkeamer en beskermje bern tsjin tefolle ljocht- en lûdprikkels troch ien oere foar bêdtiid gjin apparaten mei byldskermen mear brûke te litten, sa as de telefoan, tablet en laptop. Efkes ‘back to basic’ helpt bern om better yn ’e sliep te kommen. Nim rêstich de tiid foar it sliepritueel, bygelyks troch noch in ferhaaltsje foar te lêzen of tegearre de dei te bepraten.

Bliuw sels kalm en wurd net lilk as dyn bern net sliepe wol. Meitsje der gjin machtsstriid fan.

Lit de doar iepen of hâld in ljochtsje oan as dyn bern bang is yn it tsjuster. Ek in babyfoan kin goed wurkje om kontakt te hâlden.

Meitsje fan it sliepen in yntym momint, gjin straf. Sliepen moat in leuk ûnderdiel fan de dei wêze.

Mear slieptips? Sjoch ek ris op: www.kinderslaap.nl www.slaapbabyslaap.nl www.babyslapen.nl Foar sliepskema's sjoch www.heitenmem.nl

42

43

krijt noch in ferhaaltsje, de oare wol noch efkes prate. Elk bern hat sa syn eigen wize om yn ’e sliep te fallen. Dêrtroch ferrint dat hjir hiel kalm. Foar de measte bern is sliepen yntusken in hiel gewoan ûnderdiel fan de dei, lykas fruit iten en bûtenboartsjen.’ Groeie yn de koes In fêst ritueel is ien fan de belangrykste tips dy’t Daniëlle jout oan heiten en memmen fan bern dy’t net maklik yn sliep falle. ‘Een bedritueel geeft een kind houvast, zodat hij weet wat er gaat gebeuren’, knikt se. ‘En laat kinderen op jonge leeftijd alvast wennen aan hun eigen bedje. Door op vaste tijden je kind in zijn eigen bedje te leggen, leert het om zelf in slaap te vallen.’ By heit en mem op bêd sliepe litte is sterk ôf te rieden, warskôget Daniëlle. ‘Het risico op wiegendood wordt daardoor flink verhoogd. Maar slapen in een bedje bij de ouders op de kamer kan geen kwaad.’ Ek it bûten sliepen yn de saneamde ‘lutjepotjes’ wurket foar bern hiel goed. ‘De rust van buiten kan bij sommige kinderen wonderen doen’, knikt Daniëlle. Yn de bûtensliephûskes fan bernedeiferbliuw Bernewrâld yn Reduzum lizze de twa pjutten noch altyd hearlik te koesen. ‘Dêr kin ik echt fan genietsje’, glimket Myja. ‘As bern lekker sliepe, krije se de kâns om te groeien.’


PD public Domein / Wikimedia

De bernewein troch de tiid Design, komfort en feilichheid binne tsjintwurdich de dingen dy’t telle yn de wrâld fan de berneweinen. Kinst se keapje mei allerhande assessoires, en ek yn kombinaasje mei in reisbedsje, autostuoltsje, buggy, ensfh. En fansels fan it bĂŞste materiaal: feilich, sterk en maklik skjin te meitsjen. Mar dat is no, dat wie net altyd sa.


Foar 1840 Al iuwenlang wurde babys ferfierd troch se te dragen, bygelyks yn in draachsek. Dat jout de mem de frijheid om gewoan har wurk te dwaan of te reizgjen. Om de santjinde iuw hinne komme de earste karkes foar it ferfieren fan bern, earst lutsen troch bisten en letter troch húspersoniel.

1840-1880 Yn 1840 start yn Ingelân de fabryksmjittige produksje fan berneweinen.Dat binne dan noch ienfâldige lûkkarkes op trije tsjillen. As de diken letter better wurde, komme der berneweinen

dy’t ek treaun wurde kinne. As keninginne Victoria trije weinen foar har bern meitsje lit, is de hikke fan de daam. De hegere klasse wol de bern ek rûnride kinne. De berneweinen hawwe houten tsjillen en noch gjin fearren. Dat sil net sa noflik lein hawwe!

1900 Om 1900 hinne lizze heit en mem de poppe op in sachtere ûndergrûn, mar de tsjillen binne noch hurd en stuiterje oer de klinkertdiken. De weinen hawwe noch gjin remmen. Der barre dan ek geregeld ûngelokken trochdat weinen op ’e rin reitsje...

Freegje jim mem/beppe ris nei har bernewein. Dat is faaks it begjin fan in moai petear oer bernekoetsen mei grutte tsjillen.

1920 Wienen swart en brún earder de standertkleuren, mei de opkomst fan de yndustrialiaasje yn it begjin fan de tweintiger jierren feroaret der in protte. De weinen binne dan ek yn ljochtere kleuren te krijen en de bakken wurde djipper, langer en swierder.

(yntearbere) ûnderstel meinommen wurde kin, bgl. yn de auto. Yn de rin fan de tiid wurde de berneweinen lúkser en moaier foarmjûn. En se wurde net mear allinnich yn in pear standertkleuren levere, leveransiers geane no los mei allerhande kleuren en leverje ek ynnovative lúkse farianten en buggys. Sa komme der bygelyks strânbuggys en kekke stedsweinen.

1950 Yn de fyftiger jierren komme der nije modellen op ’e merk. Der wurde ek nije materialen brûkt, de weinen krije (massive) rubberbannen en it systeem foar de fearring wurdt flink ferbettere. Dat leit net allinne in stik nofliker, mar triuwt ek folle makliker. Troch de sachte fearring kin de lytse poppe lekker yn sliep skommele wurde.

1960 Om ende by 1960 ferskine der foar it earst berneweinen wêrfan’t de bak los fan it

44

45

2000 Om de milenniumwiksel hinne krije ûntwerpers hieltyd mear each foar it design, wat soms te’n koste giet fan it komfort. Der komme nije, hippe merken. Mem én heit wolle no gráách mei de trendy bernewein sjoen wurde. Dochs sjochst ek in tsjinbeweging; âlders wolle de wein brûke dêr’t se sels yn lein hawwe. As dy net mear op souder stiet, dan wurdt Marktplaats neipluze. Want yn in grutte koets kinst sliepe as in prinseske.


Femke Jaarsma

Gratis babyspullen foar kânsearme gesinnen Elke poppe hat ommers rjocht op in goede start

Neffens de statistiken libben der yn 2015 yn Nederlân mear as in heal miljoen minsken yn earmoede. Om dy minsken te stypjen binne der de ôfrûne jierren ferskillende goede doelen oprjochte. Tink oan Voedselbanken Nederlân en Stichting Armoedefonds. Dêrnjonken kamen der ‘spesjale’ inisjativen lykas speelgoedbanken, dêr’t nij en brûkt boartersguod ynsammele

wurdt foar bern yn in efterstânssitewaasje, en ek luierbanken, dêr’t ruften en oar basisspul foar poppen en jonge bern ynsammele wurde. Yn Fryslân is ek sa’n luierbank oprjochte, de Luierbank Friesland yn Reduzum. Neffens de Luierbank Friesland hat elke poppe rjocht op drûge billen en hawwe âlders rjocht op in soarch


Wat is earmoede? Hast elkenien yn Nederlân hat in dak boppe de holle, hoecht gjin honger te lijen, hat klean en krijt medyske soarch en ûnderwiis. Fan (ynkommens)earmoede is neffens it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) sprake as it ynkommen net foldwaande is om in bepaald konsumpsjenivo te realisearjen dat yn Nederlân minimaal needsaaklik achte wurdt. It CBS sprekt net fan earme húshâldens, mar fan húshâldens mei in leech ynkommen en risiko op earmoede. Yn 2014 moasten fan de goed 7 miljoen húshâldens 734.000 libje fan in leech ynkommen. (Boarne: www.cbs.nl)

minder. Inisjator Mim Hardege fertelt hoe’t sy ta de oprjochting fan har luierbank kommen is. ‘Alle jierren die ik in ynsammelaksje foar in goed doel. Nei in grutte aksje foar de Voedselbank yn Grou, wêrby’t wy sa’n tweintich kratten mei iterij en non-foodspullen foar de minima folje koenen, krige ik in soad positive reaksjes. Lykas mails fan minsken dy’t helpe woenen troch bygelyks klean te jaan. Sa kaam ik op it idee om de luierbank op te rjochtsjen.’ Mim leit út wa’t yn oanmerking komt foar help. ‘Minsken kinne by ús terjochte wannear’t se ynskreaun stean by in helpferlienende ynstânsje lykas de Voedselbank, mar se kinne ek trochferwiisd wurde troch in wykteam, konsultaasjeburo, de kredytbank of in organisaasje lykas Connecting Hands.’ Sylvia (32 jier, Ljouwert) jout oan dat sy it sûnder de Luierbank net rêde soe. ‘Wy hawwe fjouwer bern, wêrûnder in poppe fan 3 moanne, en moatte fan 70 euro yn de wike libje. It is hiel moai dat der soks as in luierbank is.’ Se kaam yn oanrekking mei dat inisjatyf fia in webside dêr’t minsken ûnderinoar spul oan elkoar weijouwe. ‘Ik joech sels berneklean wei, en doe fertelde immen my dat ik ek oan de Luierbank donearje koe. Doe haw ik kontakt socht.’ De Luierbank Fryslân krijt gjin subsydzje en is dus folslein ôfhinklik fan jeften en donaasjes. ‘Sa no en dan krije wy aardige donaasjes fan 46

47

bedriuwen en mei ik dat guod ferlotsje op ús Facebookside om jild te generearjen.’ Mar hoe komt Mim dan oan al dy babyspullen? ‘Der stiet in griene miny-kliko foar ús hús yn Reduzum, dêr’t minsken lyts guod yn deponearje kinne. It is alle kearen wer in ferrassing wat dêryn sit. Je kinne ek op ôfspraak by ús terjochte en soms helje ik de donaasjes sels op. Dêrnjonken krij ik fia e-mail of ús Facebookside spullen oanbean.’ Mim docht ek rjochtstreeks oproppen fia Facebook, ‘as de billedoekjes hast op binne bygelyks’. Se fertelt dat de donaasjes oeral wei komme. ‘Fan Boalsert oant Dokkum, mar it measte komt út Ljouwert.’ Hat se genôch romte om alles op te slaan yn har eigen hûs? ‘Alle donaasjes hawwe in aparte romte by ús. Klean lizze no yn ús eardere kantoar, grut guod en ‘overflow’ op souder, en yn de ynrinkast lizze alle fersoargingsprodukten en ruften.’ Se jout oan dat se it bysûnder fynt dat krekt de minsken dy’t sels net folle hawwe it measte weijouwe. ‘Al myn kliïnten binne tige behelpsum en besykje de Luierbank te promoatsjen.’

Njonken de Luierbank Friesland is der in fergelykber inisjatyf iepene yn Fryslân, de Kraambank. Sjoch foar mear ynformaasje op https://www.facebook.com/luierbankfriesland en https://www.facebook.com/kraambank.


Tine van Knijff-van Hijum

Zorgen voor en over je hoogbegaafde baby of peuter ‘Zo’n slim kind, daar hoef je je geen zorgen over te maken.’ Of: ‘Jullie zijn zeker veel met hem aan het leren?’ Moeders Annagreet Hoekstra en Mien Kooistra kennen de reacties, maar ze weten dat het anders is: hun hoogbegaafde jongens zijn zorgenkindjes.

Catharina Hoeksma van het Onderzoekscentrum Hoogbegaafdheid in Leeuwarden ziet veel hoogbegaafde kinderen die ongelukkig zijn. Volgens haar is het vroeg signaleren van hoogbegaafdheid daarom heel belangrijk. ‘Als je te lang wacht, heeft het kind zichzelf al zo aangepast aan de omgeving dat het niet meer te herkennen is. Intussen is zo’n kind doodongelukkig, omdat hij zichzelf niet meer durft te zijn.’ Mien Kooistra (30) uit Brantgum wist al vroeg dat haar oudste zoon Hidde (5) heel slim is. ‘Al vanaf zijn geboorte had hij een alerte, heldere blik. En hij wilde niet liggen, hij wilde rechtop zitten. Om niets van de wereld om zich heen te missen.’

Annagreet Hoekstra (36) uit Noardburgum zou graag gewild hebben dat ze meer kennis had gehad over hoogbegaafdheid bij jonge kinderen. ‘Dan hadden we het van Aron (11) misschien eerder geweten. Als baby was Aron heel gevoelig voor prikkels en hij huilde zes uur per dag. We hebben van alles geprobeerd met de voeding, we dachten dat hij krampjes had. Inbakeren hielp gedeeltelijk: daardoor kon hij zichzelf niet meer wakker slaan.’ ‘Dit is meer dan een huilbaby’, weet Catharina. ‘Het is een gefrustreerde baby die in zijn hoofd weet hoe hij een beweging moet uitvoeren, maar die nog niet kan maken.’


Onderzoekend Ze noemt een aantal kenmerken die een hoogbegaafde baby kan hebben. ‘Zo’n baby is vaak veel wakker, alert, gefrustreerd omdat hij dingen wil doen die hij nog niet kan, onderzoekend en ontdekkend, en hij leert snel lopen. Dit kan wel per kind verschillen.’ Hidde deed alles snel: staan, lopen, zindelijk worden. ‘Hij was nog maar net twee toen hij naar de wc ging: hij wilde weten hoe het riool werkte’, vertelt Mien. ‘Aron kon niet vroeg staan of lopen’, vertelt Annagreet. ‘Maar áls hij iets deed, deed hij het meteen perfect. Toen hij ging lopen, liep hij meteen goed.’ 48

49

Hidde ook, vertelt Mien. ‘Toen hij net een jaar was gingen we op vakantie naar Corfu. Daar is de grond heet en niet prettig om op te kruipen. Hidde stond op en liep.’ ‘Als een kind heel jong kan lopen, zijn ouders trots’, weet Catharina. ‘Maar het is niet altijd positief. Deze baby’s zijn zo snel dat ze niet leren hun best te doen. Dat breekt ze later op.’ Hidde en Aron praatten allebei heel snel heel goed. ‘Toen Arons zusje werd geboren, was hij bijna twee. De kraamverzorgster zei: wat kan hij zichzelf goed verstaanbaar maken’, vertelt Annagreet. ‘Bij Hidde kwamen er meteen ‘dure’ woorden uit: heel volwassen taal’, aldus Mien.


‘Kinderen met een hoog IQ hebben net zo goed hulp nodig als kinderen met een laag IQ’

Ook het spelen verliep anders. Hidde was vanaf anderhalf jaar gek van Piet Piraat. ‘Dat werd een obsessie’, vertelt Mien. ‘Hij wilde alleen nog zijn Piet Piraat-pak aan, kende alle filmpjes uit zijn hoofd, speelde ze na en wilde Piet genoemd worden.’ Aron speelde vooral met constructiespeelgoed. ‘Maar op een volwassen manier: hij had zijn eigen loonbedrijf en gaf werknemers opdracht het land op te gaan’, weet Annagreet nog. Leergierig Op de peuterspeelzaal vielen Hidde en Aron op. ‘Dankzij het consultatiebureau mocht Hidde er al naartoe voordat hij twee was. Maar toen hij drie werd, ging hij al naar de basisschool: hij was echt geen peuter meer. De juf van groep 1 zei: nu wil ik weten wat zijn niveau echt is’, vertelt Mien. Aron maakte op de peuterspeelzaal duidelijk dat werkjes maken en knippen en plakken niks voor hem was. ‘Dat is bij veel hoogbegaafde kinderen zo’, weet Annagreet. ‘Ze hebben een plaatje in hun hoofd van hoe het moet worden, maar weten dat hun handen dat niet kunnen. Dus beginnen ze er maar niet aan.’

Kenmerken van hoogbegaafde peuters zijn volgens Catharina een grote woordenschat, leergierigheid en nieuwsgierigheid. ‘Zo’n peuter kent kleuren, cijfers en letters, heeft een goed geheugen en is heel teleurgesteld of boos als hij faalt.’ Hulp Een hoog IQ is geen reden tot juichen, weten de moeders. De ontwikkeling van hun jongens blijft een bron van zorg. ‘Ik raad ouders aan om erachter te komen waar het gedrag van hun baby vandaan komt’, aldus Annagreet. ‘Gedrag is communicatie: je baby wil iets vertellen, maar kan alleen maar huilen.’ Ook Mien hoopt dat ouders aan de bel trekken. ‘Volg je gevoel. Ik heb lang gedacht dat het aan ons lag. Het onbegrip, mensen die dachten dat wij Hidde ‘pushten’, dat vond ik vreselijk. Gelukkig hebben wij hulp gekregen.’ ‘Kinderen met een hoog IQ hebben net zo goed hulp nodig als kinderen met een laag IQ’, vult Annagreet aan. ‘Schroom niet om hulp te zoeken’, zegt ook Catharina. ‘Kom op voor je kind.’


Wisto datst op www.heitenmem.nl ek Fryske foarnammen fynst, mei de betsjutting derby?

Ferneame Eartiids wie it gebrûklik om bern te ferneamen nei famyljeleden. Dêr wienen bepaalde regels foar: 1e jonkje: pake oan heitekant 2e jonkje: pake oan memmekant 3e jonkje: heit syn âldste broer 4e jonkje: mem har âldste broer 1e famke: beppe oan memmekant 2e famke: beppe oan heitekant 3e famke: mem har âldste suster 4e famke: heit syn âldste suster Populair Populaire Friese jongensnamen zijn vandaag de dag: Ruben, Jan, Mats, Jens, Jurre, Ties, Hidde, Johannes, Jelle, Niels en Fedde. Populaire Friese namen voor meisjes zijn Emma, Fenna, Anna, Bent(h)e, Ilse, Silke, Yfke, Renske, Nynke en Maaike.

€ 7,50

De moaiste Fryske foarnammen Ast dyn bern ferneame wolst, dan bist gau klear. Mar sels in namme betinke falt net altyd ta. Yn dit boekje fynst de moaiste Fryske jonges- en famkesnammen.

Fergetten nammen Understeande Fryske foarnammen binne hast útstoarn. Mar miskien is dat net altyd sûnder reden… Fryske jongesnammen: Ame, Boeije, Doên, Doyke, Eentje, Elbe, Emeka, Fake, Feberikus, Hikke, Hoaite, Holst, Holk, Hoppe, Hottum, Klien, Leintje, Limke, Luurtze, Madzen, Maije, Neensche, Oept, Pooi, Redze, Rimpt, Rogchus, Ryken, Taetze, Teetse, Wate, Wealtsje, Wijke en Wijt. Fryske famkesnammen: Bintsje, Boodske, Djoerdtje, Doedertje, Doite, Doyke, Dwotsje, Eertsje, Eertske, Eile, Entje, Etsje, Fimme, Frietske, Froatsje, Gabeske, Goossen, Guitsche, Holk, Jilkjen, Jookje, Neantske, Neensche, Neenskje, Nolke, Obtje, Oktjen, Olke, Reinschje, Rouke, Sabe, Scholtje, Semien, Setche, Sieze, Sukke, Taekeltje, Teatje, Tiege, Winkje, Wolke en Ygje. Boarne: ‘De lêste Hikke’ fan Aly van der Mark (Friese Pers Boekerij, Leeuwarden 2014 € 10,-)

50

51

Dieuwke van der Meer

Foarnammen


Ferneamd Jeltje


Grutte Jeltje: berne op 2 maart 1956 en wennet yn Sint-Nyk Lytse Jeltje: berne op 16 maaie 2015 en wennet yn Oentsjerk Betsjutting Jeltje: Jeltje is in Fryske namme. De namme is ôflaat fan it wurd gelt en dat betsjut weardefol, betelling, ferjilding, offerfeest.

Jeltje Steneker: ‘Jeltje is it suske fan Lieuwe, en dy beiden binne de twaling fan ús dochter Tjitske. Jeltje en Tjitske binne nammen dy’t al mear as 200 jier yn de famylje weromkomme, hieltyd fan mem op dochter en sa troch. Al fan 1700 ôf binne de earste Jeltjes út ús famylje werom te finen, dy wennen yn de omkriten fan Gasterlân. De jongste Jeltje is de njoggende generaasje, foarsafier’t wy neigean kinne. De twaling is mei 35 wiken berne yn it MCL. Doe’t Tjitske opbelle en fertelde dat de bern der al wienen, wie ik alhiel ferstuivere. Ik hie der hielendal net op rekkene, mar ik fyn it prachtich dat ik no ferneamd bin, in hiele ear. Der sprekt in stikje wurdearring út fanTjitske en har man. 52

53

Ik bin der hiel bliid mei, mar as it lytse wyfke in oare namme krigen hie, hie sy my der net minder leaf om west. Us dochter en skoansoan woenen graach ferneame en fûnen Jeltje gelokkich beide in moaie foarnamme. Jeltje en Lieuwe hawwe fan beppe Jeltje en pake Willem allebeide in berteleppel mei ynskripsje krigen. Dat fine wy in moai gebrûk en dêrom hâlde wy dat yn eare. It soe moai wêze as de tradysje fan it ferneamen letter ek wer trochsetten wurdt, mar bern moatte sels kieze kinne. Doe’t ús Tjitske seis jier wie, is der in foto makke fan de fjouwer generaasjes Jeltjes en Tjitskes. Dat wie in moai momint om stil te stean by de oerlevering fan dy nammen. Wa wit kinne wy skielk op ’e nij in foto meitsje mei in lytse Tjitske.’


Tine van Knijff-van Hijum

Wurk en bern, hoe wurket dat? Ast in poppe krijst, feroaret dyn hiele libben. Thús, mar ek op it wurk. Hoe dochst dat, wurk en bern kombinearje? Thea Steenstra (33) út Nijhoarne is parttime begûn te wurkjen nei de berte van Maud. Tineke Haitsma (34) út Frjentsjer hat trije soannen én har eigen winkel.

‘Myn freon en ik ha eins twa dochters’, fertelt Thea. ‘Us earste famke is ferstoarn doe’t sy alve dagen âld wie. Maud is no tweintich moanne en wy binne o sa wiis mei har. Ik wurkje op de administraasje fan in autogruthannel en bin bewust fan 38 nei 20 oeren gien.’ Opfang foar Maud is goed regele. ‘Wy ha in heitedei, in beppedei en in dei berne-opfang. Har dei berne-opfang is har koartste dei sûnder my: ik ferdiel myn oeren oer trije wurkdagen. Myn freon hat alle tongersdeis frij. Dat is syn dei mei Maud.’ Har jongste soan Martijn is trije moanne, dochs stiet mem Tineke alwer yn ’e winkel. ‘Ik wurkje fan moandeis oant en mei sneons, mar bin tongersdeis frij’, fertelt Tineke. ‘Sneons hat myn man wykein en moandeis hat hy frij. De oare dagen wurde de bern opfongen: in dei troch myn mem, in dei troch myn skoanâlders en in dei berne-opfang. De âldste giet dan nei skoaltiid nei de bso.’ Joost (4) en Sander (2,5) wienen it strakke skema al wend, poppe Martijn draait dêr flot yn mei. ‘It is drok, mar wy ha in fêst ritme.’

Boarstfieding Boarstfieding jaan wylsto wer oan it wurk moatst, kin lestich wêze. Thea hâldt it knap fol. ‘Maud drinkt noch by my. Sadree’t ik thúskom, freget se: ‘Drinke?’’ Yn de manljuswrâld dêr’t sy yn wurket, wie it kolven even wennen. ‘Ik wie de earste wurknimster dy’t dat woe. Myn kolfromte is in fergaderkeamer dêr’t de doar fan op slot kin, mei in keukentsje derneist. Ik ha in dûbele kolf en bin yn tsien minuten klear.’ By Tineke rûn it oars. ‘Ik ha Martijn boarstfieding jûn oant ik wer oan it wurk gie. Mei de âldste ha ’k besocht om te kolven yn it kantoar achter de winkel. Dat woe net om’t ik hieltiid stoard waard. By de twadde en tredde ha ’k it net mear besocht. Yn it begjin joech ik Martijn moarns en jûns it boarst en krige hy oerdeis fleskes, no krijt hy allinnich mar de flesse. Hy docht it dêr hiel goed op.’ Oeral nei ’t sin Ek al ha beide memmen it moai regele mei de opfang, dochs fielt it net altyd noflik.


‘Martijn is te betiid berne, omdat hy net mear groeide’, fertelt Tineke. ‘Gelokkich hat er dat dûbel en dwars ynhelle. Mar ik fûn it dêrtroch wol lestich om wer oan it wurk te gean. Ik ha him wol meinaam: as hy yn it kantoar sliepte, wie hy dochs ticht by my.’ ‘Ik moast wer oan it wurk doe’t Maud trije moanne wie, te betiid fûn ik’, jout Thea oan. ‘Der is no praat fan dat memmen pas nei seis moanne wer oan it wurk hoege, dêr stean ik achter. As memmen langer by harren poppe bliuwe kinne, is it ek makliker om langer boarstfieding te jaan.’ ‘Ik fûn it swier om Maud fuort te bringen, nei de berne-opfang hielendal. Mar Maud hat it oeral nei ’t sin, fynt it oeral like moai. En ik kin even yn in oare wrâld wêze, mei oare minsken en oar praat. Dat is ek belangryk. De kombinaasje dy’t wy no ha, fielt goed.’ ‘Ik ha ek drege mominten hân’, seit Tineke. ‘De earste wurkdei nei de berte fan Martijn, de earste kear dat Joost nei de bso gie... Dat in oar mei dyn bern rêdt, dat is lestich. Mar it grutste part fan ’e 54

55

wike binne se by famylje, dat fielt fertroud. En ús bern wurde selsstannich en sosjaal. Se ha safolle wille, as ik dat sjoch wit ik dat wy it goed dogge.’ Dwaan wat goed fielt Tineke en Thea binne tige wiis mei harren bern: as se thúskomme út it wurk binne de bern harren alles. ‘Ik genietsje fan alle mominten mei Maud’, fertelt Thea. ‘Ik sis tsjin oare âlders: lûk jim neat oan fan wat oaren sizze of dogge, gean op jim eigen gefoel ôf. Ik mis tweintich oeren fan Maud, mar dy helje ik dûbel en dwars yn as ik by har bin. As je bern ha, moatte je der foar se wêze!’ Dat fynt Tineke ek, mar sy mei ek graach yn de winkel wêze. ‘Ik fyn it belangryk om diel út te meitsjen fan ús maatskippij. As ik allinne mar thús wêze soe, soe ik dat gefoel minder ha. Dat is foar elke mem oars en elkenien moat de kar meitsje dêr’t sy har noflik by fielt. As ik thúskom, drave de jonges bliid op my ôf, dêr genietsje ik fan. Wy ha it moai foarinoar sa.’


It boarstfiedingsfotoprojekt Fardau Spijksma út Ferwert is fotografe. Doe’t se de boarstfieding oan har dochter oan it ôfbouwen wie, besefte se dat se hielendal gjin moaie foto hie fan ien fan dy bysûndere mominten dat se har dochter it boarst

joech. En sa kaam se op it idee om in ‘boarstfiedingsfotoprojekt’ op te starten. Want at sy dêr graach in moaie foto fan ha woe, dan wiene der grif mear memmen dy’t dat ek woenen.

Benijd nei mear foto’s? Sjoch dan op www.fbs-fotografie.nl.


Se hat doe fergees 25 fotoshoots oanbean oan oare memmen. En dat hat se as hiel bysûnder ûnderfûn. Fardau: ‘It jaan fan boarstfieding is wat persoanliks en yntyms. It jaan fan boarstfieding foar in foto is efkes wennen, mar ik bin bliid dat ik it betrouwen fan alle memmen krigen ha om dit dwaan te kinnen. Myn doel wie om de leafde en it burgen-wêzen yn alle foto’s fêst te lizzen. It is net fanselssprekkend, it memwêzen en it boarstfieding jaan, dêrom bliuwt it sa bysûnder.’

56

57


Klasina van der Werf

‘ HypnoBirthing is net sweverich’ Rinske en Ytzen van der Meij fan Aldebiltsyl woene graach in broerke of suske foar harren soan Reinder. Mar Rinske har earste befalling hie sa dreech west dat se bang wurden wie om dat wer mei te meitsjen. Troch de kursus HypnoBirthing krige se it fertrouwen werom.

It is al mear as fjouwer jier lyn, har earste befalling. Mar se sil it nea wer ferjitte. ‘Dat noait wer’, sei Rinske lange tiid. Mar it ferlangen nei in twadde berntsje wie dochs sterker as de eangst. Earst mar ris yn ferwachting reitsje, dan sjoch ik dêrnei wol fierder, tocht Rinske. Doe’t it safier wie, lies se tafallich yn in tydskrift oer HypnoBirthing. By HypnoBirthing giet it derom dat je fertrouwen krije yn je eigen lichem en de natuer syn gong gean litte. It is in kursus fan fjouwer sneintemoarnen en de partner mei ek mei. ‘Doe’t ik it oan myn man fertelde, frege hy fuort: ‘Is dat net sweverich?’ Dat heart miskien wol sa troch de Amerikaanske namme. Mar it hat neat mei hypnoaze te krijen. It giet om ûntspanning. Miskien hjit it sa omdatsto neat mear hearst ast sa ûntspannen bist. It is in hiel praktyske kursus. Dus poer geskikt foar ús as nuchtere Friezen.’ Fia ‘Liefdevolle Geboorte’, fan Nynke BrakeléHiemstra yn Ljouwert, hawwe Rinske en Ytzen de kursus HypnoBirthing folge. ‘Je leare hoe’t je mei safolle mooglik fertrouwen en sa min mooglik eangst it berteproses temjitte geane. It is hiel oars as de klassike ‘pufkursus’. Krigest folle mear útlis oer hoe’t it eins wurket yn de baarmoeder en wat hormoanen en adrenaline mei dy dogge. Dêrtroch begrypst alles better.’

Kursisten krije in boek, in kursusmap en in cd. Op de cd wurdt as positive ‘affirmaasje’ ûnder oaren sein: ‘De geboorte van mijn baby zal gemakkelijk zijn omdat ik zo ontspannen en vol vertrouwen ben.’ En: ‘Ik vertrouw erop dat mijn lichaam weet wat het moet doen en ik volg haar aanwijzingen.’ ‘Earst moast ik dêr wol om laitsje. Mar de grap is: hoe faker asto nei dy cd lústerst, hoe mear ast der yn leaust.’ Op de cd kinst ek harkje nei de Regenboog Ontspanning. Ast dêr faak genôch nei lústerst, dan fielst dy sa ûntspannen dat it liket as oftsto sliepst. As de befalling begjint, kinst de cd ek opsette. Dan wurdst dêr rêstich fan. Learst ek hoe’tst dyn gedachten posityf beynfloedzje kinst. Ast bygelyks oan in blom tinkst dy’t moai iepengiet, dan hat dat in positive ynfloed op de ûntsluting. Rinske: ‘Ik tocht, se kinne my noch mear fertelle; as ik oan it befallen bin, dan tink ik echt net oan in blom. Mar doe’t it safier wie, ha ’k de hiele tiid oan dy blom tocht.’ Ek de man fan Rinske fûn de kursus handich. Hy learde ûnder oaren in massaazjetechnyk en oare manieren om syn frou by te stean. ‘Wy hienen nei dy fjouwer lessen al it gefoel dat we better op de befalling taret wienen as de foarige kear. Learst allegear ûntspanningstechniken, en as it iene net


58

59


slagget kinst in oare metoade tapasse. Dêrtroch krigest folle mear fertrouwen.’ Rinske hie troch de kursus sels safolle fertrouwen krigen dat se thús befalle woe. Se keas foar in badbefalling. Rinske paste de metoade fan HypnoBirthing ta ûnder de weeën en hie lang safolle pine net as by de earste befalling. ‘Der wiene fansels wol pittige mominten, mar dat hâldst altyd.’ Mei it parsen gie it mis. Se hie in soad bloedferlies en moast foar it lêste stikje dochs noch nei it sikehûs. Se hie de pech dat der mar ien gynekolooch yn it sikehûs wie en dy moast nei in oare befalling, wêrby’t it net goed gie mei de baby. It hertsje fan de baby fan Rinske en Ytzen kloppe moai rêstich, dus sy koenen wol wachtsje. Trije oeren hat Rinske yn ’e parsweeën sitten. Uteinlik is harren dochter mei de fakuümpomp berne. De pomp dêr’t se eins sa huverich foar wie troch de earste befalling. Mar it koe net oars. De skouderkes bleaune heakjen. Dêr wie se. Nei fyftjin oeren. Fimke. It earste HypnoBirthingfamke fan Fryslân. Berne op 17 maart 2015. Se mocht fuort by heit en mem lizze. ‘Dat wie ús grutste winsk, omdat we dat by Reinder net meimakke hienen.’ Rinske sjocht op ’e nij werom op in heftige befalling. ‘Mar troch de HypnoBirthing-metoade wie dit tsien kear better. Allinnich it lêste stikje wie hiel dreech. Ik sei letter tsjin Nynke, de kursusliedster: ‘It kloppe net. Myn liif wie net perfekt foar de lytse poppe om berne te wurden.’ ‘Sa moatst it net sjen’, sei Nynke. ‘It is hiel bysûnder dat it hertsje fan de poppe sa lang rêstich bleau, wylsto yn de parsweeën sietst. Dat komt om’t jim sa ûntspannen wienen troch de HypnoBirthing-techniken.’’ En sa ûntspannen as Fimke by de befalling wie, sa rêstich en tefreden bleau se ek dêrnei. Rinske: ‘Miskien hie dat oars ek wol sa west, mar ik tink dat it komt om’t Fimke in HypnoBirthing-baby is.’

Wat is HypnoBirthing? Sûnt Doutzen Kroes befallen is mei de HypnoBirthing-metoade wurdt it wat bekender, mar in soad minsken witte net wat it is. Nynke Brakelé-Hiemstra jout sûnt 2014 de kursus HypnoBirthing yn Ljouwert. Sy is sels yn 2013 befallen mei HypnoBirthing en fûn dat sa’n moaie erfaring dat se tocht: froulju yn Fryslân moatte hjir mear fan witte. Nynke: ‘HypnoBirthing is een waardevolle, ontspannen en stressvrije methode van bevallen. Helemaal pijnloos bevallen lijkt me een utopie, maar als een vrouw mentaal en fysiek goed voorbereid is op de bevalling kan zij deze op een kalme, comfortabele en liefdevolle manier beleven. De cursus is positief en praktisch en bestaat uit vier ochtenden. Bij HypnoBirthing leren vrouwen samen te werken met hun lichaam, in plaats van het tegen te werken. Bewust of onbewust zien vrouwen op tegen de bevalling. Daardoor creëren ze angst, met als gevolg dat het lichaam verkrampt. Dat noemen we het angst-spanning-pijnsyndroom. Dit bouwen we tijdens de cursus om naar vertrouwen, ontspanning en plezier. Verder heeft de cursus tot doel het bewustzijn en zelfvertrouwen van de vrouw te vergroten. Waarom zou je bijvoorbeeld liggend op je rug bevallen terwijl de verticale houding veel natuurlijker is? Vaak denken vrouwen: de gynaecoloog of verloskundige zal het wel weten. Maar veel wijsheid zit in jezelf. Je kunt een bevalling niet overdoen en het heeft een enorme impact op zowel de ouders als het kindje. Daarom is het belangrijk om van tevoren goed na te denken over wat je wilt. Ook al loopt het dan allemaal anders, net als bij Rinske, dan houd je er toch een tevreden gevoel aan over. Een rustige natuurlijke geboorte geeft ouders en baby de mooiste start die er is.’ Meer informatie: www.liefdevollegeboorte.nl


APPS

Ek leuk, tegearre mei dyn lytse op de tablet boartsje. Der binne in soad apps foar

FOAR DE LY TSKES!

bern makke en fansels ek yn it Frysk. Wy jouwe jim in oersjoch fan Fryske apps dy’t geskikt binne om mei bern fan ien jier ôf te dwaan.

F O A R: I PA D E N ANDROID P R I I S: FERGEES

Boartsje mei Tomke Sjoch nei de film of lês it ferhaal foar. De app bestiet út seis Tomkeferhalen, mei moaie grutte yllustraasjes by hieltyd koarte stikjes tekst. Oan ’e ein fan it ferhaal kinst in puzel dwaan. Ek kinst derfoar kieze om it spultsje ‘sykje it plaatsje’ te dwaan. �������������������������������������������������� F O A R: A N D R O I D, IPHONE, I PA D E N I P O D TOUCH P R I I S: FERGEES

Rinze syn jierdei Rinze fiert hjoed syn jierdei. Taart, kadootsjes en besite, sa’n feestje makket kikkerts bliid! Rinze syn jierdei is in leuk en boartlik e-boek foar beukers, fol mei ynteraktive eleminten. ������������ Lytskes De dvd ‘Lytskes’, mei ferskes dy’t animearre binne mei bylden, is in grut sukses en dêrom is dêr no ek in app fan makke! Moai om tegearre mei dyn lytse op skoat te sjen nei de bylden en te lústerjen nei de moaie ferskes. Wa wit kinne jim al gau tegearre meisjonge mei de ferskes. Yn de app sit ek noch in spultsje, wêrby’t it bern de plaatsjes nei it goeie plak slepe kin. • • • • • • • • • • • • • • 60

61

F O A R: I PA D E N ANDROID

P R I I S: Hantsjes yn ’e hichte, FERGEES Friese kinderliedjes Sykje it plaatsje op yn de trije sykplaten. Fûn? Sjoch nei it filmke mei in lietsje en doch mei! De Fryske lietsjes, fiif nije en tsien tradisjonele, wurde songen troch Janneke Brakels mei begelieding op piano troch Cor Bakker. Guon lietsjes binne geskikt foar de alderlytsten, oaren foar beukers en guon foar de leeftiid dêrtuskenyn. ••••••••••••••••••••••••••••••

Wat heart wêr? Foar bern fan sa’n twa jier ôf is der de app ‘Wat heart wêr?’, yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk. It is in spultsje wêrby’t bern foarwerpen nei it goeie plak slepe kinne. Se krije dêr hieltyd it bypassende wurd en lûd by te hearren. De bern kinne kieze út ferskate sitewaasjes, lykas: yn de dieretún, yn de tún, yn de húskeamer en op strjitte. • • • • • • • •

F O A R: I PA D E N ANDROID P R I I S: FERGEES


Idske Bangma

Lêze mei lytse poppen (babys 0-1 jr.)

Poppen te jong om foar te lêzen? Welnee! Dyn poppe fynt boekjes prachtich! Boekjes om op te sobjen en mei te boartsjen! Bern jonger as in jier wurde noch net sa faak foarlêzen… Dat is spitich, want mei dyn poppe op skoat in boekje ûntdekke is learsum. It stimulearret de taal- en spraakûntwikkeling fan dyn bern, sa blykt út ûndersyk. En it ferheget de konsintraasje. Allegear saken dêr’t in poppe in libben lang plezier fan hat. Poppen kinne mear as datst tinkst. Al fan de earste dei ôf lústert dyn poppe al nei dyn stim. Yn it earste jier ûntwikkelet in bern him fluch en leart it in protte nije dingen. Dêr spilet BoekStart no op yn. BoekStart stimuleert lezen met baby’s, dreumesen en peuters. Kinderen die als baby al zijn voorgelezen, zijn later beter in taal. Je kunt dus niet vroeg genoeg beginnen met voorlezen. Maak je kindje gratis lid van de bibliotheek. Dan ontvang je een BoekStartkoffertje met twee boekjes cadeau en kun je de speciale BoekStarthoek met babyboekjes ontdekken. Kijk op boekstart.nl voor voorleestips en kortingsbonnen!

Wat maakt een boekje tot een goed babyboekje? Bij het uitkiezen van een goed boekje voor je baby is het belangrijk te letten op zowel de inhoud als de uitvoering. Die moeten goed aansluiten bij de ontwikkeling van je baby. Elke fase vraagt om andere boekjes. Soms gaat dat snel, soms is je baby wekenlang zoet met hetzelfde boekje, om dan ineens weer een sprong te maken. Een goed en verantwoord babyboekje moet voldoen aan: Voor wat betreft de inhoud: • aandacht trekken en vasthouden • contrasterend kleurgebruik (ook zwart-wit) • duidelijke en eenvoudige afbeeldingen • interactiemogelijkheden • eenvoudige tekst, dat geeft meerwaarde (taalaanbod) Voor wat betreft de vormgeving: • (artistieke) aantrekkelijkheid, die de functie niet in de weg staat • voor baby’s hanteerbaar (niet te groot; zacht en licht van gewicht) • veilige uitvoering (geen scherpe hoeken of onderdelen die makkelijk losraken)

(Bron: www.boekstart.nl)


1 2 3 4 5 62

63

Foarlêstips: Jou dyn poppe boekjes fan sterk en feilich materiaal. Boekjes om te fielen, te priuwen, nei te sjen, oan te rûken en nei te lústerjen. In goed boekje is bestand tsjin poppehantsjes en (earste) -toskjes!

Kies boekjes út dy’tst sels ek aardich fynst, mei dúdlike plaatsjes en mei in protte kontrast. Soargje dat dyn poppe sels ek boekjes pakke kin, bygelyks yn de boks.

Nim de tiid foar in boekje. Gean lekker tegearre op in rêstich plakje sitten. Doch televyzje, telefoan en laptop út, dat liedt gau ôf. In pear ôfbyldings sjen litte is genôch. It boekje hoecht net yn ien kear út.

Meitsje fan foarlêzen in fêste gewoante. Kies dêrfoar de tiid dy’t dy goed útkomt: lekker rêstich moarns, of foar it sliepen of kies in oar rêstmomint op in faak drokke dei. Dyn poppe leart wat ‘lêzen’ ynhâldt troch de foarlêssesjes hieltyd op deselde wize te begjinnen, bygelyks mei te sizzen: ‘Sille wy tegearre in boekje lêze?’

Lit dyn stim hearre, watst seist is eins net sa belangryk. Beneam wat der te sjen is, en meitsje bypassende lûden by it boekje!


Te lêzen op

heitenmem.nl Boarstûntstekking Boarstûntstekking is in hiele ferfelende en pynlike ûntstekking yn dyn boarst. Kinst probearje it foar te kommen troch it boarst goed leechdrinke te litten, genôch rêst te nimmen en troch hurde plakken yn it boarst fuort te massearjen. Mear tips? Sjoch op heitenmem.nl!

Adviezen aan jonge ouders met slaapgebrek Geregeld ziet Irene jonge ouders die na de komst van hun (eerste) kindje kampen met slaapgebrek. ‘Moeders zijn vaak de spil in huis. Als ze zichzelf te weinig rust gunnen, gaat het mis. Veel moeders krijgen last van het ‘grijze-wolkgevoel’.’ Lees de adviezen van Irene op heitenmem.nl.

Ynbakerje; soe it helpe? Sliepeleaze nachten hearre derby. Dat witte âlders foar’t se oan bern begjinne. Mar wat moatst dwaan as dyn poppe altyd gûlt, hiel ûnrêstich is en net sliepe wol? Lês it ynformative artikel oer ynbakerjen op heitenmem.nl.

In draachdoek, wat foar dy? Sjochst se hieltyd mear, draachdoeken en oare dragers. Foar guon âlders de meast praktyske, komfortabele en feilige manier om bern te ‘ferfieren’. Foar oaren ûnbekend terrein. Lês op heitenmem.nl alles oer de draachdoek.

Gebaren met je baby Bern begjinne meastal mei sa’n oardel jier te praten. It docht bliken dat in baby fan seis moanne en âlder al mear begripe kin en him better uterje kin as dat lang tocht waard. Mei gebaretaal kinst al mei dyn poppe ‘prate’ foardat hy mei wurdsjes begjint. Mear witte oer gebaretaal foar poppen? Sjoch op heitenmem.nl! 64

64


In poppe makket de leafde sterker, de dagen koarter, de nachten langer, de beurs lichter, it hĂşs fleuriger, de klean sjofeler, it ferline fergetten en de takomst de muoite wurdich om foar te libjen.



Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.