De Lytse Heit & Mem 1- 2014

Page 16

Kampearje mei Lena Doe’t ús Lena fjouwer moanne âld wie, gongen wy foar it earst op fakânsje. In wike yn in fakânsjewenning op it Amelân en hiel maklik mei de auto op ’e boat. Alles, mar dan ek alles wat ek mar in bytsje handich wêze koe foar de poppe, gie mei. It paste allegearre krekt yn ’e auto. En hiene wy achterôf alles nedich? De tummytub is brûkt. Ien kear. Twadde fakânsjetrip: in lang wykein nei it Oerolfestival op Skylge. Dizze kear mei de fyts op ’e boat. ‘Bepakt en bezakt’ fytse wy mei ús poppe yn it bernesitsje, in grutte backpack op ’e rêch, in ynklapber bernestuoltsje en in buggy nei ús steancaravan yn Hoarn. Hiel stoer, fûnen wy, en bêst goed te dwaan. As Lena 16 moanne is, sille we in moanne mei in camper troch Italië toere. De laadromte goaie wy dochs wer hielendal fol, wy hawwe de romte ommers. En wer brûke wy de helte fan ’e spullen net. Want wêrom silst in babybadsje meinimme wannear’t de measte campings ynrjochte binne op lytse bern?

Mei de poppe yn it fleantúch Freondinne Linda gie mei Norah fan tsien moanne nei Mallorca. Allinnich. Mei it fleantúch. ‘Van tevoren dacht ik dat het allemaal wel mee zou vallen. Een weekendje Vlieland geeft immers ook wel gedoe.’ Dochs rûn se tsjin in oantal dingen oan. ‘Ik had een vrij grote buggy mee en die moest dus ingecheckt worden. Daar liep ik met m’n handbagage en een baby op de arm naar de andere kant van het vliegveld.’ Se kaam der ek achter dat it handich is asto basisdingen lykas in fleske drinken by de hân hast. ‘Ik wilde mijn dochter drinken geven bij het opstijgen, zodat ze moest slikken en minder last had van haar oortjes. Helaas was mijn handbagage al opgeborgen.’

‘Stay cool and enjoy the trip.’ Freondinne Wendy reizget hiel wat ôf mei it fleantúch, omdat har famylje ferspraat oer Europa wennet. ‘Onze zoon van twee heeft

15


Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.
De Lytse Heit & Mem 1- 2014 by heit&mem - Issuu