De Flapút juni 2019

Page 1

De FlapĂşt

Doarpskrante fan Jelsum-Koarnjum Simmermoanne

Juny2019


WOUDSTRA BORGERS - IRENES BILDTSTAR Menno van Coehoornwei 27 Britsum, tel. 058 - 257 1670

Zeg het met BLOM… voor al uw gelegenheidsbloemwerk Langebuorren 45A Stiens, 058-250 4691, bloembinderijblom.nl 2


Fan de Redaksje Yn de foarige Flapút ha jim lêze kinnen oer it boekje ‘Vrijwilligers geven Jelsum en Koarnjum een gezicht’. It lit sjen hoefolle minsken har mei in soad enerzjy ynsette foar ferienings en projekten yn ús doarpen. Wy fûnen it in moaie oanlieding om dêr yn dizze Flapút noch even op troch te bordueren. We hawwe Dick Rijpstra, ien fan dy frijwilligers, opsocht. We hienen in moai gesprek oer wat hy as frijwilliger docht yn de doarpen en wat dat foar him betsjut. Fierderop kinne jim der oer lêze. Ien sitaat fan Dick sette we hjir alfêst del: “Jelsum en Koarnjum binne moaie doarpen, dêr wolst in stientsje oan bydrage om dat sa te hâlden”. Sa is it! En wy besykje om yn de Flapút ek alle kearen wer sjen te litten hoefolle minsken der aktyf binne. Troch jim bydragen is dat ek dizze kear wer slagge! De redaksje -------------

De zwarte zwanen en hun kuikens met thuisbasis Dekema State zijn helaas de wijde wereld in getrokken. Ergens een uitgang genomen! Het laatst gesignaleerd in de Jelsumer vaart, momenteel buiten beeld (ingestuurd door Wim Hoogendam). 3


Doarpsbelang Heeft u vragen of ideeën? U kunt ons altijd mailen! Het bestuur van Ver. v. Dorpsbelang Jelsum Koarnjum: Auke Rijpstra voorzitter Janna Prosé secretaris Germ de Jong penningmeester Sandra van der Meer algemeen lid Jaap Keizer algemeen lid Algemeen e-mailadres Ver.v. Dorpsbelang Jelsum-Koarnjum: dorpsbelangen@jelsumcornjum.nl Website: http://jelsumcornjum.nl of jelsumkoarnjum.nl

Tankbetsjûging Wy wolle eltsenien betankje foar jimme meilibjen, leafde en treast nei it ferstjerren fan myn leave man, heit, skoanheit en pake

Lieuwe Jansma De waarme reaksjes, yn hokker foarm dan ek, ha ús tige goed dien. Hertlik tank derfoar. Teddy Jansma-van der Pol Frieda en Sam Nina Livia Ek út namme fan syn mem Riemke Jansma-Bouma

4


Wel en Wee Doarpsbelang Jelsum-Koarnjum buurtcontacten Wel en Wee Heeft u een Wel en Wee weetje? Geef ze aan ons door! Hieronder ziet u een overzicht van de straten, namen en telefoonnummers aan wie u ze kunt doorgeven. Wij zorgen voor een mooie kaart of een bloemetje bij bijvoorbeeld: 25/50 jarig huwelijk, geboortes, nieuwe bewoners, langdurig zieken, overlijden Alvast onze dank hiervoor! Sandra van der Meer Jelsum Titus Sinnema: 058- 2574388: Skierhústerwei tot 8 (Groenteboer)/ Boarnsylsterwei/Brédyk te Jelsum/Piter Rindertsreedsje Sandra van der Meer: 06-52125444: Aldlânsdyk t/m 12/ Skierhústerwei t/m groentehal/Op 'e Terp/Dekemawei 1 t/m 7/ Hoatse de Jongstrjitte Jaap Keizer 058-2571319: Aldlânsdyk vanaf nr 7 (Heslinga) t/m Dokkumer Trekwei Marten Reen: 058-2574580 Finsterbuorren/Langhústerdyk/ Haskedyk/Dekemawei 2 t/m Teun Kuipers Anneke Kuipers-Brouwer 058-2661399 Tsjessingawei (nr 6) Koarnjum Auke Rijpstra 06-83795568: Martenawei/Bokkesteeg/Tsjerkepaed Baukje van den Burg 058-2574282: de Wier/Swarte Singel (Martenastate)/Aldlânsdyk Germ de Jong: 058 2572968: David van Goirlestrjitte(16)/ Helmblomstrjitte/Wylde Tulpstrjitte Geert Beeksma (12) 058- 2574668: Holwortelstrjitte Grieteloek Kingma 058-2574330: Longkrûdstrjitte(6)/ Giele Anemoanstrjitte Wietske Ketellapper 058-2571278: Skeltedyk/Nijlânsdyk/Bredyk

5


24 / 7 Verse boerderij melk tappen Ook luxe vleespakketten Aldlânsdyk 20, Jelsum 06-44852207 Webshop: www.biomelktap.nl

6


Op de tee by Dick Rijpstra De redaksje is dizze kear op de tee west by Dick Rijpstra, in rasechte frijwilliger út Koarnjum. Dick is hast 70 jier lyn berne yn Amsterdam. Yn 1958 ferhuze it gesin nei Jelsum en kocht heit de skildersaak fan Douwe en Anne van der Heide. Dick en Dety wennen in skoft yn Britsum en no al wer 16 jier yn Koarnjum.

De reden dat we Dick frege ha foar in interview, is dat hy yn april nei 12 jier ôfswaaid is as bestjoerslid fan doarpshûs De Bining. Wy binne benijd nei it ferhaal achter dizze frijwilliger. Dick is mei syn achtergrûn as timmerman (hy wie de iennige fan de gebroeders Rijpstra dy’t gjin skilder waard), útfierder en werkvoorbereider/kalkulator goud wurdich. Hy wie belutsen by de ferbou fan De Bining en ek by de renovaasje fan de kantine fan DTD. Dick hat fan in soad dingen ferstân. Hy is ûnder mear de man fan it kofjesetapparaat fan De Bining. Leit der wetter ûnder of rint it net: elk hat it nûmer fan Dick. Dat moat no eins al oars, fynt Dick sels. Dick fertelt dat it best dreech is om in doarpshûs yn de loft te hâlden. De kosten wurde heger en der binne minder aktiviteiten. Foar it bestjoer is it beslist net maklik om dêr wat op út te finen. As redaksje binne we benijd oft de sinnepanelen dy’t De Flapút destiids mei skonken hat helpe om de kosten leech te hâlden. It is moai om te hearren dat it enerzjyferbrûk hast 0 is en De Bining dêr sawat lyk mei draait. 7


Op de tee by Dick Rijpstra Dat komt bygelyks ek troch de nije led-ferljochting en in nije kuolkast. De fraach is no: hoe kinne we gas besparje? Dick hat foar De Bining ek jierren NL Doet organisearre: dé dei om mei in ploech frijwilligers krekt even dy putsjes op te knappen dêr’t je oars net oan ta komme. Hartstikke gesellich en oan de ein fan de dei hast resultaat. Hoewol’t Dick him noch tige belutsen fielt fûn hy it nei 12 jier dochs tiid foar oare dingen. “It is goed dat oare minsken it stokje oernimme, dy ha ek wer nije ideeën”. Dat is tagelyk ek syn soarch. Der binne minder minsken yn de doarpen en se binne net allegear like belutsen by wat der bart. De fiver dêr’t de frijwilligers út komme wurdt hieltyd lytser. Foar Dick is it net mear as normaal datst wat dochst foar it doarp. “Wy binne ek sa grutbrocht. Ast frij wiest koest meihelpe”. Hy siet 18 jier yn it bestjoer fan DTD. “Och, en ast de bern der dan ek by binne kinst ek wol leider wurde”. Dick is trouwens noch net folle thús. Hy is al trije jier frijwilliger yn it bosk by Martena State. En hy is fan 2002 ôf ponghâlder fan de biljertklub. It leuke fan frijwilligerswurk fynt Dick datst mei syn allen bezich bist, dat it gesellich is en datst it as bestjoeren en frijwilligers mei syn allen dochst. De ien is net belangriker as de oar. De konklúzje is dat it net maklik is om genôch frijwilligers te krijen, minsken motivearre en belutsen te hâlden. Uteinlik giet it ek om de ferbûnens mei it doarp dêrst wennest. Best iets om it in kear meielkoar as doarp oer te hawwen, fine wy. It is Dick syn doel om sa lang mooglik fit te bliuwen. Sadat hy syn stientsje bydrage kin om de prachtige doarpen dy’t Jelsum en Koarnjum dochs binne sa te hâlden.

8


9


10


Frijsteld Op in sinnige tongersdeitemoarn yn de blommemoanne wie der in lytse seremoanje yn it 'Koarnjumerbosk'. It inisjatyf hjirta is nommen troch ien fan ús frijwilligers. Op in bysûnder plakje stiet in lyts oantinken wat wy oanbean hawwe. In fiere nicht fan de Martena's kaam del en mei wurden as Yin en Yang, heech en leech, âld en nij fan de betinker stiet 'it' der no. Wy binne der wiis mei, it seit wat fan de nocht en wille dy't wy meielkoar belibje.

Foto Bob de Boer

As der lêzers binne dy't tinke wêr giet dit oer dan sizze wy: kom ris del op in tongersdeitemoarn en wy lizze it graach út. Groeten fan de frijwilligers fan Martena State

11


Frijsteld De รปntbleating fan it buordsje troch de betinker en frijwilliger Meindert Hibma bystean troch de bosknymf op Martena.

Foto's Bob de Boer

12


Wylstrjitte 2 9051 AX Stiens Tel. 058- 257 4411

info@middelsee-assurantiën.nl www.middelsee-assurantiën.nl 13


It Nut Jelsum-Koarnjum Britsum Seizoen 2019/2020

 Sneon 12 oktober 2019    

Grytz en Grize Sneon 9 novimber Tryater : raze om protters. Gearwurkingsjûn mei De Bining. Sneon 21 desimber 2019 Great Lake Sneon 18 jannewaris 2020 Keunstner Hans Jouta Freed 22 febrewaris 2020 Jan Arendz en Marijke Geertsma De man fan dyn libben

Lidmaatskip: € 15, - de persoan it jier. * ( Fjouwer foarstellings, eksklusyf de Tryaterjûnen ) Gasten: € 10,- de persoan de jûn. By djoerdere jûnen wurdt der fan de leden en gasten in lytse bydrage frege. Alle jûnen begjinne om 20.00 oere yn doarpshûs ‘De Bining’ fan Koarnjum, It Bestjoer Titus Sinnema, ponghâlder. Joke Scheffer, skriuwster. Haakje Stielstra Janna Prosé Email: itnutjkb@gmail.com

Facebook: it nut 14


www.vellingaoptiek.nl

15


Frouljus biljerten 17 april wie it wer safier dat wy de lèste jûn hiene fan it frouljus biljerten. Der wiene 14 froulju wer fan 13 spilers en Riet wie der foar it byhalden fan de score. We moasten de bân meinimme foardat we de lêste bal rekken, it mocht dus net yn 1x. Best lêstich foar in soart, mar yn'e rin fan de jûn krigen we de slach te pakken. We hiene in winners en in ferliezers ronde, sadat elk in pear kear spylje koe. Wietske bleau stean, sadat se fourt yn de winners ronde kaam. De útslach yn de ferliezers ronde wie: 1 Wiepie, 2 Jantsje en 3 Haakje. De útslach yn de winners ronde wie: 1 Klaske, 2 Wiesje en 3 Aukje Bijlsma.

'DE STOATEN'

It wie wer in hiele slagge jûn mei folle sportive striid en geselligens. De einútslach fan de kompetysje is ek bekend makke, Korrie is 2e wurden en Tineke hie de measte punten. Sadat Tineke wer nei hûs gie mei de "Rutger Bonnema" trofee. Ferline jier wie se ek al de bêste en derfoar krige se in moai oantinken. Dat wie wol in rûntsje wurdich. It bestjoer hie alles wer goed organisearre, derfoar hiel folle dank. Allegear in goede simmer winske en oan't sjen yn septimber., Klaske Span

TANK Leave minsken, Wat in blommen , kado's en kaarten mei lokwinsken by ús 50ste troudei. Tige tank derfoar! Daan en Els Berkenpas - de Vries

16


17


Dekema State We hadden een gezellige maand mei. Op de dag van de theetuin 19 mei was er een geanimeerde nostalgische theevisite in de state. Ruim 70 bezoekers brachten een bezoek aan dit theekransje.

Uiteraard kan je in de weekenden Dekema State ook bezoeken tussen 13 en 17 uur. Leuk idee voor als je gasten hebt! Let op! Feestdagen zijn we gesloten. Een romantische of typisch Fries gevulde picknickmand, geleverd door bakker Nico en Aeltsje de Groot uit Stiens (2 dagen van tevoren bestellen)! daar kunnen we ook een cadeaubon voor maken; leuk als cadeau voor vaderdag, of een andere gelegenheid, en het hele seizoen te leveren, dus je kiest zelf het moment uit! Zaterdag 8 juni dag van het kasteel 13-17 uur Zaterdag 8 juni doen we mee aan de dag van het kasteel, dus op de zaterdag voor Pinksteren. Het thema voor dit jaar is “over de grens�; we laten in de state op een groot plateau zien waar voormalige bewoners banden hadden met het buitenland. Uiteraard is het ook goed toeven tijdens een wandeling door de tuin en op het terras waar de thee en de koffie vers wordt gezet! 18


7 juli, 10 juli, of 17 juli praamvaart “Mee met de melkvaarder” (op inschrijving, minimaal 12 personen, maximaal 20, vol=vol) Een mooi tochtje via het water; opstappen in Leeuwarden om 11:00 uur en via stad, Dokkumer Ee, Leeuwarder bos en de velden naar Dekema State. Voor € 25,— bent u tot 15 uur zoet; bij Dekema State bezoek en koffie met oranjekoek, weer terug naar Leeuwarden (eigen lunchpakketje mee is handig). Voor 5 juni hebben we een mogelijkheid om alleen heen (en eventueel direct mee terug) te varen voor slechts € 10,—, zonder een bezoek aan de state. Deze dag gaan we in ieder geval varen.

Ook voor groepen Voor groepen vanaf 12 personen is dit arrangement ook op afspraak mogelijk op een door jezelf gewenste datum!

19


Trakteer uzelf op een glimlach deze zomer! Europa Kinderhulp zoekt vakantiegezinnen voor deze zomer. Heeft u weleens nagedacht om vakantieouder te worden? Familie van der Meij uit Oude Bildtzijl ging in de zomer van 2018 het avontuur aan. Fam. Van der Meij: Onze ervaring als 1e keer vakantiegezin. Op een warme zomerse vrijdagmiddag staan we met een groep vakantie ouders op een parkeerterrein in Leeuwarden de bus op te wachten uit Oldenburg. Wij gaan voor de eerste keer het avontuur als vakantiegezin tegemoet. Spannend en nieuwsgierig, wat voor type mensen zijn de andere ouders? Hoe gaat het als zo’n bus aan komt? Goh, en vooral hoe zal het zijn voor de kinderen? Die stappen zometeen uit de bus en gaan zomaar met hun vakantiegezin mee! Nieuwsgierig proberen we door de geblindeerde ramen te zoeken naar onze gast, zou hij ons al hebben herkend en zien staan? De kinderen komen keurig één voor één uit de bus en worden aan hun vakantie ouders gekoppeld. Sommige kinderen zijn al vaker geweest en al bekend met hun gezin, anderen komen voor het eerst, wat een avontuur. Uiteindelijk komt ‘onze’ Jan, ook hij komt voor het eerst. Met een vrolijke glimlach stapt hij ons tegemoet, hij heeft er zin in en wij ook! De eerste dagen zullen wel wennen zijn, maar gaan boven verwachting hartstikke goed! Wonderbaarlijk hoe kinderen zich moeiteloos aan elkaar aanpassen en met elkaar communiceren. Het spelen gaat uitstekend tussen onze eigen 2 kinderen en ons vakantiejongetje. Een zwembadje in de tuin en de sproeier aan, wat een dikke pret.

Na een week is de familiedag, leuk om de andere ouders en kinderen weer te treffen waar we vorige week mee op het parkeerterrein stonden. Wat ons vooral opvalt, hoe ontspannen en relaxed alle ouders zijn. Jong, oud, met of zonder eigen kinderen en ook gastgezinnen die meerdere vakantiekinderen opvangen, er heerst een echte vakantiesfeer! Een leuke middag, waarin ook ruimte is voor een gezellig praatje met de mensen van EKH. 20


. En weer een week later is het alweer vrijdag, en tijd om onze Jan weer terug naar de bus te brengen. Hier en daar nog een praatje met andere ouders, we nemen afscheid, Jan en de andere kinderen gaan de bus weer in, en dan zwaaien we: tschuüüüsssssiieeeeee!!!!! Jan weer met een grote glimlach! En onze kinderen? Verdrietig op de terugweg, want ze missen hem al….

Durft u net als de familie van der Meij ook het avontuur aan te gaan? Neem dan contact op met Joke de Vries, tel: 0518 - 841942 / email: friesland@europakinderhulp.nl. Meer informatie vindt u op www.europakinderhulp.nl of op onze Facebook pagina Europa Kinderhulp Fryslân.

21


Túnmanswente Ter versterking van ons team zijn wij op zoek naar een ENTHOUSIASTE GEMOTIVEERDE OPROEPKRACHT Ben jij sociaal, enthousiast en leergierig en vind je werken in de Horeca een uitdaging? Dan is werken bij Túnmanswente misschien iets voor jou… Wat verwachten wij van jou? - Je bent minimaal 15 á 16 jaar - Je bent flexibel inzetbaar met name in weekenden - Je bent representatief, enthousiast en je weet van aanpakken - Je woont in de nabije omgeving van Koarnjum Wij bieden jou afwisselende werkzaamheden. Heb je belangstelling voor deze baan? Neem dan contact op met Beitske Homsma (06-12743436) of stuur een email: beitske@tunmanswente.nl

22


23


Wite swannen yn Koarnjum

Briedende swan , tsien meter fan de BrĂŠdyk Ă´f , krekt foar de rotonde by Koarnjum. De bisten ha fiif neikommelingen. Op itselde plak hawwe hja yn 2018 ek bred.

Op de earste foto sit hja op de aaien te brieden en op de twadde foto binne heit en mem drok dwaande om harren piken te beskermjen. Dit bart sa fantiek dat it wie foar my net mooglik om it jonge spul op de foto te krijen. Piet Keestra 24


.

25


Huiskamertheater De Wier en... Lezing door Henk Popma, samen met Tjitte Kamminga, samenstellers van het recentelijk verschenen boek “Martenastate, proeftuin van het paradijs?” Vrijdag 31 mei 2019, aanvang theater 20.30u, deur open 20.00u . Entree €10,- p.p. inclusief gratis koffie/thee voor aanvang.

De bewonersgeschiedenis van Martenastate en een mini-orgelconcert staan deze avond centraal. Martenastate in Koarnjum kende ooit roemruchte bewoners als Duco Martena, de steunpilaar van Willem van Oranje in de strijd tegen de Spaanse overheersing. Zijn kleinzoon David Gorlaeus maakte in de 17e eeuw ondanks zijn vroege dood grote naam als geleerde. In de 19e eeuw was het de Leeuwarder historicus Wopke Eekhoff die met steun van kopstukken uit de Friese culturele wereld verhinderde, dat de state voor afbraak werd verkocht. Martenastate verdiende volgens hem in Friesland als historisch erfgoed dezelfde status te hebben als het Muiderslot in Holland. De laatste eigenaar uit het geslacht Martena was de tragische Duco, die in zijn eentje deze ambitie, waar hij mee was opgezadeld, niet waar kon maken. Het landgoed is er nog steeds. In de 20e eeuw werd er een nieuwe state gebouwd. Het park is sprookjesachtig. Of het voor de eigenaren altijd ‘een paradijs’ is geweest…? De lezing wordt verzorgd door Henk Popma. Henk Popma (1950) is historicus die heeft gewerkt bij de lerarenopleidingen van de NHL. Daarnaast gaf hij cursussen streekgeschiedenis in verschillende gemeenten en dorpen in Fryslân. Tjitte Kamminga (1945) is opgegroeid in Stiens en nog werkzaam in de sociaal-juridische dienstverlening. Daarnaast is hij secretaris en rondleider van de Vereniging Vrienden en Vriendinnen van Dekemastate. Na afloop zal de veelbelovende jonge organist Barteld Post (2003) een kort orgelconcert geven in de fraaie Nicolaaskerk, naast huiskamertheater De Wier. 26


...Nicolaaskerk Koarnjum Barteld: “Mijn ouders hadden een oud orgeltje op de rommelmarkt in het dorp Wjelsryp op de kop getikt. Ik speelde trouwens al vanaf mijn 8e trompet… maar toen ik ongeveer 10 jaar was leek mij dat orgeltje wel leuk. Zo raakten mijn vingers de toetsen aan en speelde ik als eerste muziek ‘Vader Jacob’ uit het hoofd… Vanaf dat moment hebben mijn handen het orgel nooit meer los gelaten. Ik speelde in Easterlittens voor het eerst op een echt orgel en toen ik 12 werd mocht ik spelen in de Martinikerk van Bolsward als verjaardagscadeau. In 2015 werd er een grote restauratie uitgevoerd aan het zogenaamde “Hinsz” orgel van Bolsward. In 2016 kreeg ik mijn eerste orgel les van Kees Notrot in de Martinikerk van Sneek totdat die restauratie klaar was. Vanaf dat moment heb ik nog steeds orgelles op de dinsdagavond in Bolsward op dat prachtige orgel”. Iedereen van harte welkom op deze bijzondere avond in Koarnjum! Toegang alleen na aanmelding via bobdeboer@pinupsanddowns.com of via 06-54763154 Let op! Annuleren is altijd mogelijk, alleen dan 3 dagen van te voren, anders wordt de entreeprijs verrekend.

27


DE 7de SEPTIMBER 1942 DE 7de SEPTIMBER 1942 OP IT TSJERKHOF TO JELSUM Stadich drage swarte mannen kiste nei kiste út it foarpertael fan d’âlde grize tsjerke, Sawn kear geane se de wei nei it grêf en werom. En al dy kearen is it stil, Gjin minskelûd, al is de mennichte great op ‘e âlde terp, dy’t hjir ek nea fan drôge*. Eartiids. Berntsjes boartsje – kopketomljend yn it grien – wurde stil, Hâld’op, harkje, sjogge nei it folk, en elkoar oan yn in frjemd begripen en boartsje wer; De moarn is ek sá moai….. Sa wiene sy ek ienkear, dy’t hjir no nêst elkoar, side oan side, in ivich rêststé fine yn frjemde foltsne groun*. Sawn jonge libbens: Blommen fan har(ren) bertegroun, dy’t as nachtfleanders yn it oarlochsbedriuw foar lân en folts* har libben ynset hawwe. Heech yn’e stjerreloft ronkte har mesjine Freedtonacht op nei it heitelân….. Knetterjend knapten de kûgels fan ‘e jagers dy’t floitsjend oer harren mjirke*. It treffen wie fel, in lôge, en reade loften fier te sjen en rjochts en lofts fan d’âlde Ie dy’t flústerjend tusken syn reidwallen leit stoarten tobarnd en toskroeid sawn jonge helten fier fan heitelân en âldershûs, dêr’t hja foar stride, mei it wrak fan har mesine op’e iggen* fan de Ie.

28


29

Tekst Ăştsprutsen troch Jaap Keizer by de betinking op 4 maaie lĂŞstlyn Foto Wim Hoogendam


DE 7de SEPTIMBER 1942 Stil wurde se nou oan d’ierde tabitroud. In mennichte stiet earbiedich to wachtsjen, kiste nei kiste sakket yn de swarte kûle, teld fan al dy eagen. De wacht stiet moarm’ren* yn’t gewear Al wer, en wer…. Sawn kear oanien….. Dan nimt doomny it wurd Bidt it “Onze Vader”. Op in rige sitte de berntsjes, hiel stil de fuotten by de ôfgroeven terp del, de mûltsjes ticht, de eagen great yn net begripen…… Nou sprekt in ofsier. - Fij’n tsjin fij’n – Mar nou tsjin de deaden, dy’t er earet as soldaten dy’t har plicht dien haww’. In krânse mei de helle oarlochskleuren leit op it grêf. Trije salvo’s klinke skerp op boppe de âlde tsjerkewier út…. Blanke wolkens driuwe fan’t Westen nei it Easten ta. Beammetoppen soeije* op’e frisse wyn. It folts skrept op bou en greide as al-den-dei allyk. En d’âlde toer, mei it trouwe antlit nei it Westen stoarret oer in bliere en frjemde wrâld en wachtet….. ’t Is oarloch…….. út: “JELSUM troch de tiden hinne” fan Hoatse de Jong *drôge:dreamde *frjemde foltsne groun: grûn fan frjemd folk *folts: folk *mjirke: fluch ferdwine *moarm’ren: as fan moarmer *iggen: kanten/wâlen *soeije: wigelje 30


Praxis Stiens: ma t/m vrij 9-20u, zat 9-17u

31


PEDICURE In mijn praktijk of ambulant. Behandeling op afspraak. Janna Prosé Aldlânsdyk 3, 9056 LK Koarnjum 06-22563553 jannaprose@planet.nl

32


Vriendenkring

toanielselskip Vriendenkring Jelsum-Koarnjum-Britsum 1860 ----------------- 2019 Jongereintoaniel Sitst do kommend skoaljier yn groep 7 of heger en liket it dy wat om toaniel te spyljen? Jou dy dan no op!!! Yn desimber wolle we wer in pear stikken op de planken bringe en der ha we jim foar nedich. Ek de jongerein oant 18 jier is wolkom om mei te dwaan! We binne drok dwaande om in regisseur foar jim te sykjen.

De repetysjes starte yn septimber 2019 en de Ăştfierings binne op freed 13 en sneon 14 desimber yn De Bining. Opjaan kin foar 22 juny 2019 fia vriendenkring1860@hotmail.nl (ferjit net dyn namme, adres, tillefoannĂťmer en leeftiid derby te setten) of 06-16276839. Titus Sinnema Louis Hooghiemstra Theunis Dijkstra Lieuwkje Boomsma Sytske Nicolay 33


34


Midzomernacht Vertellingen “Midzomernacht Vertellingen 2019”

op vrijdagavond 21 juni 2019 park Martenastate Koarnjum Ontvangst 21.00 uur @ Túnmanswente, aanvang 21.30 uur

“Kom en beleef de sfeervolle midzomeravond bij Túnmanswente en in park Martenastate in Koarnjum!”

Voor het derde achtereenvolgende jaar zal er weer een bijzondere midzomeravond met mooie verhalen worden georganiseerd in het unieke en prachtige park Martenastate te Koarnjum. U wordt door dit park geleid naar een aantal bijzondere plekken waar vier vertellers een boeiend verhaal voordragen tijdens de schemering en in het donker op deze langste dag van het jaar. Deze avond met wandelingen door park Martenastate wordt afgesloten met een heel bijzonder slotverhaal. Deze avondbeleving wordt georganiseerd door de kring “Vertellers in Friesland”, Túnmanswente, huiskamertheater De Wier en de Plaatselijke Commissie (S.A.F.T.) Jelsum – Koarnjum. Slechts een beperkt aantal bezoekers kan worden toegelaten tot deze bijzondere avond, dus meldt u snel aan, want vol is vol! Toegang alleen na aanmelding: op tel.nr. 06-12743436 of via informatie@tunmanswente.nl Entree: €10,- p.p. De locaties: Túnmanswente en park Martenastate, Martenawei 2, 9056PE Koarnjum Voor meer informatie over deze avond kunt u contact opnemen met Bob de Boer, telefoon 06-54763154, mail bobdeboer@pinupsanddowns.com of via Túnmanswente, telefoon 058-2572190 / 06-12743436, mail informatie@tunmanswente.nl 35


Uit Nieuwsbrief Martenastate, mei 2019 Alle bomen in kaart gebracht Dit voorjaar is op zeer professionele wijze een extern onderzoek verricht naar de vitaliteit van alle bomen op Martenastate. In ons parkbos is een mooi, gevarieerd en gezond bomenbestand essentieel voor het gebied met de grote verscheidenheid aan stinzenflora. Maar liefst 550 (!) bomen zijn visueel en genummerd in kaart gebracht en daartoe zijn alle kenmerken vastgelegd, op schrift en digitaal: boomsoort, eindbeeld, hoogte, conditie, snoeibeeld, snoeitermijn, risicoklasse en een advies op eventueel nader onderzoek. Een eigenaar van bomen kan aansprakelijk worden gesteld voor de schade als hij onvoldoende zorg aan deze bomen besteed. Het stichtingsbestuur neemt deze wettelijke zorgplicht serieus. De uitgebrachte rapportage geeft inzicht in de gezondheid van het bomenbestand, grotendeels van zeer hoge leeftijd. De uitkomsten

van dit onderzoek zijn zeer gunstig. Tijdens een aanvullende controle zijn maar enkele knelpunten nader onderzocht. Er is hierbij een juiste balans gevonden tussen behoud en aanpassing. Niet vergeten mag worden dat de waterpartijen, de stinzenflora, de padenstructuur én de verschillende bomen één geheel vormen van een eeuwenoude geschiedenis. Het onderzoek heeft ook geleid tot afspraken tot het snoeien van bomen, zodanig dat deze werkzaamheden over meerdere jaren kunnen worden gespreid. 36


Antiekspreekuur Keramiekmuseum Princessehof en het Fries Museum organiseren op woensdag 5 juni, 4 september en 11 december 2019 samen het antiekspreekuur. Bezoekers die meer willen weten over de achtergrond van een voorwerp, kunnen dit voorleggen aan een expert. De conservatoren doen geen uitspraken over de taxatiewaarde. Tijd: 14.00-16.00 uur.Locatie: Keramiekmuseum Princessehof. Prijs: museumentree. Aanmelden via de website van het Fries Museum

37


Dank de koe Dank de koe Ik zag de weiden vol koeien en dacht: Stel je voor dat er geen koe was om al dat gretig groeiende gras in te tomen We hadden bossen met bomen van gras Zo hoog dat er zelfs geen hemel meer was Maar goddank is er de koe Die geeft melk, boter, kazen Maar het allerbelangrijkst: de koe Zij neemt al dat welig tierende gras Te grazen. Ton Delemarre

-------------------//--------------------

Foto heart by ferhaal rjochter side 38


Alde foto's Fam. L. Hamstra nei Jelsum en Koarnjum Om efkes oanfollingen te krijen oangeande it stikje wat ik yn De Flapút nr. 391 setten ha frege ik harren soan Hendrik, (wennet yn Jelsum) om wat mear oer dat stikje fan de Brêdyk te fertellen, dat ik der seker fan wie dat alles wol aardich kloppe. Doe sei Hendrik tsjin my, ús heit en mem hawwe op in soad plakken wenne as boere-arbeider, ûnder oaren Warstiens, wêr dochter Jaantje yn 1940 berne is en soan Jelle yn 1942, mar ek yn Húns, wêr Hendrik sels berne is yn 1946. Letter binne de Hamstra’s yn Jelsum kommen te wenjen en waard Lubbert arbeider bij Thijs Schuiling, wêr no de fam. Ubbels wennnet. Hja kamen te wenjen yn ien fan de arbeidershúzen, dy’t op de krúsing fan de Dekemawei en Finsterbuorren stean. Hamstra hat 1 jier arbeider west bij Schuiling en binne der kommen te wenjen doe’t Hendrik 6 jier wie, dus yn 1952. Sjoch foto hjirûnder.

Letter ferhúzen hja nei de Boarnsylsterwei, it sté wer’t Reinder Feitsma syn timmersaak hie. Sjabbe Terpstra hat hjir letter in leanbedriuw útoefene, no hat Anske Agema dêr syn bedriuw yn. Sjoch foto linker side. 39


Alde foto's Dat hearde doetiids noch ûnder Koarnjum. Sûnder te ferhúzjen binne de Hamstra’s wer yn Jelsum komme te wenjen. De gemeente Ljouwerteradiel hie de grins tusken Koarnjum en Jelsum wat oanpast, kin barre. Hja wiene doe arbeider bij Sietse Keizer yn it Jelsumer âldlân. Letter binne Lubbert en Sijke ferhûze nei de Brédyk yn Jelsum, sjoch tredde foto, mar dan it rjochterhús.

Dit hús is letter ôfbrutsen, want der moast in fytspaad oanlein wurde. Oan de linkerkant stiet it nije hûs yn oanbouw. Hjir hat de fam. Hamstra noch ien of twa jier wenne. Yn 1959- 1960 hawwe hja harren te wenjen setten yn Blessum, wer’t Lubbert sels boer waard. Hendrik wie doe sa’n 13 jier. Yn 1980 binne hja nei Frjentsjer ta kommen te wénjen. Soan Hendrik is altyd in Jelsumer blean, sliepte yn die jierren yn Blessum, mar wie bij de jongeren yn Jelsum en Koarnjum oansletten en wurke bij de fam. Terpstra. As jonge wie hy in soad by Douwe Terpstra út Koarnjum en letter bij Douwe syn soan Tsjabbe yn it leanbedriuw oan it wurk. Sa kin it rinne, Hendrik sy’n jongesjierren lizze dus yn ús doarpen en dat is net feroare. Neidat Hendrik en Dieneke trouden, binne hja oan de Brédyk kommen te wenjen, yn it winkeltsje fan frou Jenne Vlaskamp. Doe’t de hûzen oan de Brédyk ôfbrutsen waarden yn de lêste helte fan de jierren tachtig fan 1900 binne dêr nije húzen delsetten yn únder oaren de Hoatse de Jongstrjitte. 40


Dêr hawwe Hendrik en Dieneke ek ien fan kocht en binne yn 1988 yn it nije hûs oan de Hoatse de Jongstrjitte kommen te wenjen en dêr wenje hja no noch. Yn 1999 is Hendrik syn heit ferstoarn en in jier letter syn Mem. We krigen in praatsje oer it riden en doe kaam dit foar it ljocht... Een stikje út de krante yn de winter fan 1975-1976 oer Lubbert Hamstra

Piet Keestra

41


11 fonteinen expositie op Dekema State Expositie in de schuur van Dekema State van 10 t/m 15 september 2019 11fountains We kunnen er niet omheen, Europa is sinds vorig jaar een openluchtgalerie rijker. De 11 fonteinen van 11 internationale topkunstenaars zijn ware publiekstrekkers die bezoekers uit de hele wereld trekken. ‘Destination Art’ en dat in ús Friese Elfsteden! Sinds 22 maart staan de fonteinen weer aan. Barstensvol verhalen Achter elke fontein schuilt een verhaal dat naadloos aansluit bij de actualiteit. ‘Kievit’ in Sloten zet je aan het denken over de vanzelfsprekendheid van schoon water. ‘De IJsfontein’ in Dokkum vertelt ons over drastische veranderingen in de natuur en een smeltende zee. En ‘De Walvis’ van Harlingen verwijst naar de invloed van de mens op het leven in zee. Dit jaar organiseert 11fountains verschillende activiteiten die aansluiten bij de verhalen achter de elf fonteinen. Expositie: Een andere kijk op de fonteinen We willen de mensen uit Friesland en die Friesland bezoeken laten kennismaken met de 11fountains en haar verhalen. Hiervoor organiseren we een reizende expositie. "Zo heb je de fonteinenkunstwerken nog nooit gezien! De Friese beeldmakers Tryntsje Nauta en Heleen Haijtema stelden speciaal voor 11fountains een unieke fotoserie over de elf fonteinen samen. Deze fotoserie in combinatie met foto’s en teksten over de 11fountains verleiden je als bezoeker tot nadenken. De expositie ‘De Tocht 2.0. – een andere kijk op de fonteinen’ is vanaf juni op verschillende plekken in Fryslân te zien."

42


43


Kalinder Vr 31 mei

Lezing over Martenastate door Henk Popma, De Wier en aansluitend een mini-orgelconcert door Barteld Post in de Nicolaaskerk Koarnjum, aanvang 20:30u, deur open 20:00u, zie pag. 26-27

Di 4 juni

Ouderenproject, Spelletjes, De Bining, 15:00u

Wo 5 juni

Praamvaart Dekema State, zie pag. 19

Vr 7 juni

Voorronde Singer Songwriter Contest 2019 i.s.m. Friesland Pop, De Wier, zie www.pinupsanddowns.com

Za 8 juni

Ernst de Corte met liedjes van Jules de Corte, begeleiding Guus Westdorp piano, De Wier, zie www.pinupsanddowns.com

Za 8 juni

Dag van het Kasteel, Dekema State, 13-17u , zie pag. 18

Vr -za- zo 14-15-16 juni

Dorpsfeest Jelsum-Koarnjum

Di 18 juni

Ouderenproject, afsluiting seizoen met een verrassing, De Bining, 15:00u

Vr 21 juni

Midzomernachtvertellingen, park Martenastate, aanvang 21:30u , ontvangst TĂşnmanswente 21:00u , zie pag. 35

Zo 23 juni

Robert Jan Stips (NITS) & Marieke Brokamp, Nicolaaskerk Koarnjum, aanvang 15:30u , deur open 15:00u , zie www.pinupsanddowns.com

44


45


Wichtige tillefoannûmers Alarmnummer hulpdiensten: 112 Huisartsen

Dhr. Heuberger: Mw. Kalsbeek: Mw. Koetsier / Mw. Coenegracht:

058-257 1969 058-257 1254 058-257 3572

Avond-, nacht– en weekenddienst huisartsen

Let op! Bij levensbedreigende situaties belt u direct 112 Dokterswacht Friesland (www.dokterswacht.nl): 0900-112 7112 Apotheek Stiens, Griene Leane 5-A, Stiens: 058-257 2131

Dorpenteam Noord

Na 1 januari 2018 heet Gebiedsteam Leeuwarderadeel voortaan Dorpenteam Noord. Het team blijft vanuit De Skalm in Stiens werken. U kunt daar iedere werkdag van 9.00 – 12.30 uur terecht. U kunt ook bellen. We zijn dagelijks bereikbaar via 058-585 3790. Voor meer informatie over de dorpenteams kunt u kijken op www.lwdvoorelkaar.nl

Zorgaanbieders Buurtzorg Stiens (stiens.buurtzorg.net): 06-5177 9732 St. Palet (www.paletgroep.nl): 0900-321 3213 Het Friese Land (www.thfl.nl): 0900-8864 of 058-257 6306 Interzorg Groep Ferwert (www.interzorggroep.nl): 088-518 0200

Begraffenisferiening Eare en Plicht Jelsum-Koarnjum Boade mw. W. Hoekstra: 06-2011 9960 of Helpboade dhr. Joh. van der Galiën:

46

058-257 4388 058-266 7722


Ynformaasje foar ús ynwenners Vanaf 1 januari 2018 bent u inwoner van de gemeente Leeuwarden. Gemeentehuis Leeuwarden, Oldehoofsterkerkhof 2, Postbus 21000, 8900 JA, Leeuwarden, tel. 14 058.

Het gemeentehuis is geopend van maandag tot en met vrijdag van 8.30 tot 17.00 uur. Donderdag van 8.30 tot 19.30 uur. Wilt u direct geholpen worden? Maak dan vooraf een afspraak via www.leeuwarden.nl.

Vliegbasis Leeuwarden

058-234 6700 Vragen/klachten: luchtmacht.nl/geluidshinder 0800-022 6033 of invullen van het online klachtenformulier Vliegbewegingen: luchtmacht.nl/vliegbewegingen of NOS teletekst pagina 766.

Zwembad It Gryn

Ieleane 1, Stiens (www.bvsport.nl):

058-257 2400

Milieustraat (inclusief depot klein chemisch afval) Seerob 23, Stiens (online zoekterm ‘Milieustraat Stiens’) 0900-210 0215 Al het afval dat niet in de sortibak of biobak mag/past kunt u naar de milieustraat brengen op maandag t/m vrijdag: 13-16.30 uur en op zaterdag: 9-13 uur.

Ophalen grof vuil en/of ophalen grof tuinafval Aanmelden via www.omrin.nl of tel.

0900-210 0215

Afvalkalender Grijze container (Sortibak): op vrijdag 7 en 21 juni Groene container (Biobak): op vrijdag 14 en 28 juni Biobak extra data: op donderdag 6 en 20 juni Papiercontainer: op dinsdag na 18:00 uur op 11 juni 47


Ferskiningsdata 2019 `

Nรป. 390 391 392 393 394 395 396 397 398 399 400

Moanne Febrewaris Maart April Maaie Juny July/Aug. Septimber Oktober Novimber Desimber Jannewaris

Kopij uterlik

Ferskining

14-01-19 11-02-19 18-03-19 15-04-19 20-05-19 17-06-19 19-08-19 16-09-19 14-10-19 11-11-19 09-12-19

25-01-19 22-02-19 29-03-19 26-04-19 31-05-19 28-06-19 30-08-19 27-09-19 25-10-19 22-11-19 20-12-19

Sellemoanne Foarjiersmoanne Gersmoanne Blommemoanne Simmermoanne Hea/Rispmoanne Hjerstmoanne Wynmoanne Slachtmoanne Wintermoanne Foarmoanne

U zoekt een woning ? Bent u op zoek naar een geschikte woning in Jelsum, Koarnjum of elders in Friesland? Dan is WoonFriesland het aangewezen adres. Inschrijven bij WoonFriesland gaat via onze internetsite www.woonfriesland.nl. Heeft u thuis geen internet aansluiting? U kunt ook bij de bibliotheek in Stiens uzelf inschrijven en het aanbod op internet bekijken. Inschrijven eenvoudig in mijnwoonfriesland.nl. De gegevens die u nodig hebt bij uw inschrijving zijn: persoonsgegevens (naam, adres), inkomensgegevens, BSN nummer en huidige woonsituatie. Wilt u meer informatie, dan kunt u contact opnemen met het KlantServiceCenter 088 995 22 22. We helpen u graag! 48


Tsjerketsjinsten

Protestantse Gemeente te Britsum-Koarnjum-Jelsum Dei/Tiid

Foargonger

Doarp/BysĂťnderheden

2 juni 09.30u

Ds. A. Terlouw

Johannestsjerke Britsum

9 juni 09.30u

Ds. M. Hulzebos

Open luchtdienst, TĂşnmanswente Koarnjum

16 juni 09.30u

Ds.R. Veenboer Studentenpastor

23 juni 09.30u

Ds. M. Hulzebos

Nicolaastsjerke Koarnjum Heilig Avondmaal

30 juni 09.30u

Ds. A. BuizerTschienga

Genovevatsjerke Jelsum

De Hoekstien Britsum

49


Redaksje 39ste jiergong nr. 394

oplage 500 eksimplaren

Corrie v.d. Meer, H. de Jongstrj.16, Jelsum Beitske Homsma, Martenawei 1, Koarnjum Annewiep Bloem, Boarnsylsterwei 1, Jelsum

tel.: 2572550 tel.: 0612743436 tel.: 0611641742

Kontaktpersoan advertinsjes en ponghâldster: Greetje Heeres, g.heeres112@upcmail.nl

tel.: 2572600

Drukker: Rijnja Repro BV Leeuwarden Finansjele bydragen, abonnemintsjild en oare betellingen kinne stoart wurde op banknûmer NL98 INGB 0004 3489 00 fan: Redaksje De Flapút, doarpskrante Jelsum/Koarnjum.

Minsken dy’t bûten Jelsum en Koarnjum wenje en de De Flapút tastjoerd ha wolle, kinne har as abonnee opjaan by de redaksje. In abonnemint kostet € 11,-- de 11 nûmers + portokosten (of fergees fia e-mail). Ynwenners fan Jelsum en Koarnjum en leden fan de by De Flapút oansluten ferienings kinne fergees lytse advertinsjes pleatse. Dizze advertinsjes moatte de partikuliere ferkeap fan net al te djoere dingen, betankjes, lokwinsken ensfh. oanbelangje en net al te grut wêze. Oare advertinsjes kinne tsjin fergoeding pleatst wurde. De redaksje fan de doarpskrante hâldt it rjocht om ynstjoerd materiaal yn te koartsjen, oan te passen of net te pleatsen. De redactie van de dorpskrant behoudt zich het recht voor ingezonden materiaal in te korten, aan te passen dan wel niet te plaatsen.

De folgjende Flapút ferskynt om-ende-by: 28-06-2019 De kopij foar de folgjende Flapút kin uterlik 17-06-2019 ynlevere wurde by ien fan’e redaksjeleden of fia e-mail:

doarpskranteflaput@hotmail.com

50


51


Doarpshûs

De Bining

De Bining, it brûzjende sintrum fan de sosjale mienskip en it ferieningslibben yn en rûn Koarnjum In pân op in treflike lokaasje mei multyfunksjonele sealen, in bar en in keuken Yn De Bining binne jo te plak foar in gearkomst, feestjûn, resepsje, lêzing, presentaasje of kursus By ynteresse kinne jo skilje mei Baukje vd Burg 058-257 4282 of maile nei baukje62@hotmail.com Webside:www.debining.nl Lokaasje: Wylde Tulpstrjitte 2 9056 PW Koarnjum 058– 257 1690 52


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.