Page 1

EASTEREIN, septimber 2015

DOARPSKRANTSJE


Couperus Hydrauliek uw specialist voor hydraulische systemen, aandrijftechniek en machinebouw. Kwaliteit staat bij ons voorop. Onze uitstekende dienstverlening, de persoonlijke aandacht voor elke klant en het meedenken in een oplossing in de technieken die afhankelijk zijn van oliedruk, zijn daarvoor het bewijs. Wij zijn dan ook snel in staat om op een vakkundige manier storingen te verhelpen, reparaties uit te voeren of nieuwe machines voor u te ontwikkelen. Wij leveren onder andere de aggregaten en machines voor bijvoorbeeld de kunststofindustrie, destructiebedrijven, papierverwerkende industrie, landbouw en de scheepvaart. Daarnaast bouwt Couperus Hydrauliek ook eigen machines. Zo hebben wij ervaring met het bouwen van: • Miniheistellingen • Plamuurpersen • Palenkrakers

• JPL-Persen • Krammenpersen • Kielklemmen

Door de steeds strenger wordende regelgeving omtrent veiligheid en milieu, leveren wij CE gekeurde systemen en machines. Dit geeft u dus de zekerheid dat u een goed product koopt bij een deskundige en betrouwbare leverancier.

Couperus Hydrauliek BV | Fabrykswei 9 | 8734 HV te Easterein info@couperushydrauliek.nl | T 0515-332288 | F 0515-331640


Kolofon septimber 2015 Redaksje Anneke van Beem Yvonne van Beem Bauke de Boer Elisabeth Breeuwsma Amarins de Haan Nathalie Oliveiro Foto foarkant Amarins de Haan Kopy doarpskrante doarpskrante@easterein.nl as by Amarins: foarbuorren 7 Kopy doarpswebsite info@easterein.nl Twitter @easterein_frl Facebook Fraach&oanbod&sa Advertinsje? nim dan kontakt op mei doarpskrante@easterein.nl

It skilderij op de foarkant is makke troch Botty

Tacoma (Sinne giet 没nder

boppe de Wynserfeart) en is

没nderdiel fan de

eksposysje fan de

skilderclub "Kleurig en

Fleurig" 煤t Easterein. Dit

wykein (4/5/6 sept) is de tsjerke freed- en

sneontemiddei ekstra iepen sadat elts de

prachtige skilderijen sjen kin. It is hartstikke moai om te sjen wat al dizze

kreative minsken makke haw. Komt dat sjen!

Rekkenn没mer: NL70RABO0349501726 u.f.f. doarpskrante Printwurk Drukkerij Van der Eems

Kopy foar it folgende krantsje graach oanleverje foar 24 septimber


6

@defabriek058 facebook.com/defabriek058


Tsjerkenijs Protestantse gemeente te Easterein

De Kerk als Goeie Buur

Zoals de toren van de Martini in haast heel het dorp te zien is, zo voelen we ons als kerk ook buur van u allemaal. Goede buren lopen bij elkaar de deur niet plat, maar ze staan wel graag voor elkaar klaar. Zo schenken we u graag een bakje koffie, nodigen we u uit voor een feestje op zondagmorgen en horen we graag hoe het met u gaat. In de tweede helft van september bezorgen we daarom in het hele dorp een boekje met daarin alle mogelijkheden die we hebben. Kijkt u het eens rustig door of er iets voor u bij zit. Er zitten dit jaar ook veel creatieve activiteiten bij. Voelt u zich nergens toe verplicht, maar als u iets van uw gading ontdekt: van harte welkom!

Startzondag “Goedemorgen!”

Op 27 september houden we de Startzondag van ons winterwerk. Meestal presenteren we u een compleet en uitgebreid programma voor deze dag. Dit jaar laten we het bij de simpele aankondiging dat u om 10.30 uur welkom bent in de kerk voor een lekker bakje koffie. Bij die koffie is dan (behalve wat lekkers) ook nog iets te horen en te zien. En verder: verrassing!

Tsjerkepaad

Op zaterdag 5 en 12 september kunt u nog genieten van ‘Tsjerkepaad’. Meer dan 250 Friese kerken hebben dan van 13.30 tot 17.00 uur hun deuren voor u openstaan. Informatie vindt u op www.tsjerkepaad.nl. Easterein doet ook mee en op 5 september kunt u hier ook nog genieten van een expositie van onze schilderkring ‘Kleurig en Fleurig’! De toegang is gratis. ds. Riemer Praamsma


geke

GRIENE ENERZJY

kOĂ–PERAASJE eASTEREIN

Doch it foar dyn doarp! Stap oer: Sjoch op: www.geke-easterein.nl

Openingstijden: Woensdag, donderdag en vrijdag tot 20.00 uur geopend.

Dinsdag:

8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur Woensdag 8.30 - 13.00 uur Donderdag 8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur Vrijdag: 8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur 19.00 - 21.00 uur

Deze cad vanaf nu kunt u ook online reserveren. Woensdagavond van 17.00 - 20.00 uur knippen zonder afspraak.

Bruidskapsels en verdere behandelingen op afspraak. U kunt hier ook terecht voor uw ORIFLAME PRODUCTEN.

HOTTINGAWEI 4 8771 ST Nijland. Telefoon: 0515 - 569099

Wilma.indd 1

23-05-14 21:35

0515 - 333873 Terp 27 Wommels www.metzstyle.nl


Toanielferieniging 'FUORT MAR LOS' noeget jimme út foar de presintaasje fan it stik op woansdei 9 septimber om 20.00 oere by Noflik Easterein Elkenien is fan herte wolkom om der op dizze jûn by te wêzen. Wy wolle neat ferriede mar kinne jim wol fertelle dat it in jûn mei ferrassingen wurdt. Regisseur, Sybe van der Ploeg, sil jimme op 9 septimber wizer meitsje. Nei ôfrin fan de presintaasje kin je oanjaan as je it kommend toanielseizoen mei dwaan wolle. Jong (fanôf groep 8) en âld, ûnderfining as noch nea op'e planken... elkenien is fan herte wolkom! Wa dizze jûn net kin mar dochs mei dwaan wol, kin him/har op jaan by ús skriuwster Baukje Stavinga info@letterfretter.nl Wy hoopje op in grutte opkomst. Oant 9 septimber! Bestjoer 'Fuort mar los'


kapsalon

’t Kniplokaeltsje

Skilplein 1 8734 GW Easterein Tel.: 0515 - 33 23 20

Oant sjen!

Op freed fan 18.00 - 20.00 oere sûnder ôfspraak!

visite-afspr.kaartje.indd 1

Skilplein 1 8734 GW Easterein T (0515) 33 23 20

05-12-2013 11:04:34

Oant sjen!


PASSAGENIEUWS

woensdagavond 16 sept. om 19.45 in de Skoalleseize te Easterein Ons  winterprogramma gaat weer van  start. We beginnen met een lezing over het boek ‘SYTSKE’ van  Ds. J Visser. Het boek gaat over een arm gezin dat leeft op de heide nabij Rottevalle. Mevr. J. Krook uit Kollum geeft hier een lezing over.   Iedereen van harte welkom op 16 sept.a.s.   Het bestuur

OPROP Bin jo man en tusken de 40-80 jier en hâlde jo fan follybal op in rekreative manier? Kom dan ris op freed te jûn nei de sporthal en doch ris mei ús mei. We balje fan 21-22.30 oere en dêrnei is der in gesellige neisit! We kin wol wat fersterking brûke!! We sjogge jo graach op in freed te jûn. De rekreaasjemannen fan de freed te jûn.

verbeter- en procesmanagement doeltreffend en pragmatisch www.fakwurk.nl


De Pinne

Dit kear oer Joke Krist fan de Tsjerkebuorren troch Bauke de Boer Wa wennet der yn it hûs fan Strikwerda?

Samar op in jûn wurdt der op ’e doar kloppe en der stiet Bauke de Boer mei de fraach as wy in stikje skriuwe foar de doarpskrante wolle en fansels wolle we dat. Hiel leuk dat der oan ús tocht wurdt. Mar wa binne wy? Wy binne Durk Rypma (37 jier) en Joke Krist (33 jier). Wy wenje yn it hûs fan ‘Strikwerda’. Dat sil yn dizze omkriten ek altyd fan Strikwerda bliuwe, sels al hawwe we it hielendal ferbout. Sa moai fyn ik dat, as je it oer de Tsjerkebuorren 31 hawwe, moatte minsken neitinke. Mar it hûs fan Strikwerda kin elkenien.

Der is gjin muorre stean blean

We wenje hjir mei ús soan Andries, dy’t krekt 2 jier wurden is. Durk wennet hjir al 9 jier en ik sûnt 5 jier ek. Beiden hawwe we derfoar yn Snits wenne, mar doe koene wy elkoar noch net. Durk komt fan Folsgeare en iksels fan Feanwalden. In hiele oare hoeke fan Fryslân dús. Andries is yn it sikehûs berne, mar wol in hikke en teine Eastereiner. Durk is 9 jier lyn begûn mei de ferbouwing. Der is werklik gjin muorre stean bleaun en alles is fernijd. Doe’t ik der 4,5 jier letter ek oer de flier kaam, wie it al hast klear. De keamer en de hal moasten noch. Foarbyongers seine faaks: “Gelokkich, no as dat famke derby ynkommen is, bart der einlik wat oan it hûs. Der moasten we fansels hiel hurd om gnize. Want ja, al it oare wurk seagen je net en dit fansels wol. De buorlju laken dan mei ús mei, want die wisten hoefolle wurk der al fersetten wie. Boppedat kinne we hjir altyd op elkoar rekkenje. We rinne mekoar de doar net plat, mar as der wat is dan binne we der foar inoar. Dat fine wy hiel noflik en binne der tige wiis mei. It wenjen yn Easterein befalt ús tige best. As Wilhelmina ús nedich is, dan spylje we mei en sûnt koarten dirigeer ik (Joke) it jeugdkorps yn Easterein.

Durk en syn wurk

Durk wurket foar it Cultuur Kwartier en it Theater yn Snits, hjir is hy huisvestingadviseur en hoofd beheer. Mar oanferwante saken as brânfeiligens, skjinmak en protokollen, hearre der ek by. Dêrby beheart Durk ek de brede skoalle fan Wommels út namme fan de gemeente Littenseradiel.


Joke en har muzyk Ik sels wurkje as múzykdosint oan Bogerman Wommels en Snits, dirigear ik al 13 jier it korps fan Lollum en haw ofrûne jier meiwurke oan it BerneIepenloftSpul. Hjir wie ik ferantwurdlik foar de muzyk. Dêrby doch ik it KinderMuziekTheater yn Snits yn it Atrium.

Andries op jacht nei trekkers Hoewol we in soad minsken yn Easterein wol kinne, sille in soad ús ek net kinne. Dat giet gau sa as je noch gjin bern op skoalle hawwe noch. Oars komme je elkoar wol tsjin op it skoalplein. Mar de measten sjogge ús wol rinnen as ús soan op aventoer is nei de boarterstún of op jacht is om moaie trekkers te sjen. We kuierje dan hiele einen troch it doarp. By it buordsje fan Easterein ropt Andries: THÚS! En sa is it, wy fiele ús hjir thús. Altyd yn foar in praatsje Oant safier wa as wy binne. Dús as jimme jim ôffrege hawwe, wa wennet der yn it hûs fan Strikwerda? No Durk en Joke mei harren soan Andries en wy binne altyd yn foar in praatsje hjer.


Zomernijs út Nij Stapert

Met de quiz ‘de koffer op reis’ was het aangenaam vertoeven op een middag in Nij Stapert! Een hartelijke nazomer groet, Annagreet Krommendijk, locatiemanager De foto’s zijn gemaakt door Henk Bootsma


De âlde doaze

Op de foto sjogge je de ôfbraak fan de hûzen op de Skoallestrjitte yn 1968. Acht hûzen haw der stoen op it plak wer no de tún fan Tsjeerd en Gea Steehouwer is. In part fan de bewenners is dernei ferhûze nei nije hûzen oan de Vrijburg.

Sjoch ek ris op www.easterein.nl


Hoe is it no mei…

Dizze kear yn ‘Hoe is it no mei’ ; Nannie Haitsma

Troch Bauke de Boer

Wa is Nannie Haitsma – Okkema? Mijn naam is Nannie Haitsma – Okkema. Ik ben getrouwd met Jaap en we hebben twee kinderen, Bert van 23 jaar en Joukje is 21 jaar. Ik ben geboren in 1959 en heb tot mijn 25e in Easterein gewoond. Daarna naar Wommels verhuisd en drie jaar later naar mijn woonplaats Witmarsum. Famkeskoar fan master Hingst Ik heb een prachtige tijd gehad als kind, met name de lagere school waar ik fijne herinneringen aan heb. Zoals het koortje van meester Hingst en het handwerken met lieve juf Kuiper, wat niet helemaal mijn ding was maar altijd wel een leuke sfeer hing. War ferieningslibben Ik zat bij het korps Wilhelmina, de tennisvereniging, gymnastiekvereniging - waar mijn Heit toen voorzitter was. Volleybal was een tijd met een pracht team. Wat zaten we altijd gezellig in de sportkantine, met hele mooie herinneringen. Se komt noch wolris del Heb nog wel contact met dorpsgenoten en klasgenoten. Als SDS thuis moet spelen kom ik nog wel eens kijken. Ik heb goede herinneringen aan Easterein, “dat lytse plakje” dat zongen we dan. Oan it wurk yn Aylvastate Ik werk nu alweer 4 jaar in Aylvastate het verzorgingstehuis hier in Witmarsum, waar ik een vast contract heb en dat op mijn 55e. Het is prachtig en dankbaar werk. Se sit net op ‘e kont Mijn hobby is jeu de boule, we hebben hier een prachtige accommodatie met wel 60 leden van jong tot oud. Daarnaast doe ik vrijwilligerswerk bij voetbal- en kaatsvereniging Pim Mulier. Wêr in lyts doarp grut yn is Ben nu lid van Easterein en no op Facebook, mooi om die oude foto’s terug


te zien. Wat ik nog wil zeggen dat in de jaren dat mijn heit drie jaar ziek was en in 1975 is overleden, de mensen uit Easterein heel veel aan ons gedacht hebben. Echt geweldig. Dan kun je maar zien dat een klein dorp zo groot kan zijn. Mem is nu 93 en heeft een Daalders plakje in Nij stapert te Wommels. Ik ben echt dankbaar dat ze er voor ons nog is.

Bauke nog bedankt voor de uitnodiging. Groetnis Nannie.

Doarpsgenoaten,

Der binne al in stikmannich Eastereiners oerstapt op stroom en gas fan GEKE, mar der kinne noch mear by. Meld jim oan op: www.geke-easterein.nl of nim contact op mei ien fan de bestjoersleden. It nimt mar in pear minuten fan jo tiid en jo helpe dermei it doarp!! It bestjoer: Jan Jetze Brouwer 06-41630995 Gerrit Bergsma 06-22649636 Johannes Dijkstra 06-53291193 Grietje Bouma 06-23758603 Jehannes Santema 06-21669472


Posthuma Skilderbedriuw Underhâldsskilderwurk oan jimme hûs. Kleuradfys en kleurûndersyk. Behang en Skilderwurk. Restauraasje en imitaasje wurk. (hout en marmerimitaasje) Isolaasje fan besteande ramen mei dûbel glês of foarsetrúten op in uniek wize.

Foar in frijbliuwende priisopjefte Skilje 0515 - 33 13 13. POSTHUMA SKILDERS EASTEREIN

VAN KRIMPEN autoschadeservice

• AUTOSCHADE HERSTEL • OLDTIMER RESTAURATIE • TUNING Autoschade Service van Krimpen Industriepark 2 8701 PN Bolsward

• SPOT REPAIR • RESTYLEN

0515-336585 06-18639018

www.autoschadevankrimpen.nl


FÛGELWACHT EASTEREIN ORGANISEART SNEIN

27 SEPTIMBER HARREN JIERLIKSE

FISKWEDSTRIID

FANÔF 14.30 IS ELKENIEN, JONG EN ÂLD, LID AS GJIN LID, WOLKOM OP DE SKIPPERSBUORREN OM OANT

16.00 TE STRIIDEN FOAR DE GRUTSTE en de MEASTE FISK! FANSELS IS IT EK HIEL LEUK AT DER PUBLYK BY IS, DUS KOM ALLEGEAR!! TIIDENS EN NEI DE WEDSTRIID IS DER FOAR ELTS IN HAPKE EN IN SNAPKE. We ha al wat regeltsjes wer’t jimme om tinke moatte:  Der wurd mei 1 angel fiske (sels meinimme)  Der is in apart stikje wer’t op snoek as snoekbears fiske wurde mei  Bern sûnder swimdiploma A/B komme en dogge mei ûnder begelieding fan in folwûksene  Wy ha foar elk maitsen, bôle en wjirmen om mei te fiskjen OANT SJEN OP SNEIN 27 SEPTIMBER OP ´E SKIPPERSBUORREN!!


Neisimmerkonsert Wilhelmina! Dit konsert stie op it programma foar 20 juny, dus noch foar de simmerfakânsje. Spitichernôch koe it doe net trochgean en is it ferpleatst nei moandei 7 septimber. In fleurich konsert op de bekende lokaasje: It Skilplein. It begjint om 19.30 oere en is it handich as jimme sels even in stuoltsje meinimme (en miskien in plaid as it wat frisser is). Wy binne drok oant oefenjen om der in moai konsert fan te meitsjen. Hjirby binne jimme fan herte útnoege! Dirigint en leden muzykkorps Wilhelmina


Nijs fan Wilhelmina We binne wer los! Moandei 17 augustus kamen de ynstruminten wer út de koffers. En ik moat sizze it foel net ôf, it klonk bêst wol wer prachtich nei sa’n oantal wiken rêst…. Dat moat ek wol want der stiet al wer it ien en oar op it programma. 5 septimber: (by genôch dielname muzikanten) spylje by Millenniumloop stempelpost Drukkerij van der Eems 7 septimber: Neisimmerkonsert om 19.30 oere op it Skilplein. (sels even stuoltsjes meinimme) 12 septimber: mei ús fêste hulptroepen in gesellige BBQ 25 septimber: OPTREDEN NOARDEWYN LIVE, by Omrop Fryslân mei Willem de Vries. Dus der moat wer folop oefene wurde. Jeugdkorps fan start! Allang wiene we dwaande om foar ús jeugdleden in s.n. B-korps op te rjochtsjen sadat de oergong nei it A-korps straks wat makliker wurdt. Op dit stuit kamen der wol 15 learlingen foar yn oanmerking en dus like it ús in moai momint om mei dizze groep útein te setten. We hawwe Joke Krist frege of sy dirigint wurde woe en dy joech oan der hiel folle sin oan te hawwen om mei dizze jeugd oan de slach. Moandei 24 augustus wie de earste repetysje. Fansels moat it earst allegearre wenne, mar we hawwe der alle fertrouwen yn dat jimme meidertiid in prachtich konsert hearre sille fan dizze jeugdige muzikanten. Oant in oare kear. Muzykkorps Wilhelmina

landrover landrover en en 4 4 x4 x4 specialist specialist

Sibadawei 1, 8734 HE Oosterend (Frsl.) Tel.: 0515 - 33 12 50 www.elephantoffroad.nl


“Bring de keatsers by it keatsen!”

Woonwinkel , A&M Lifestyle voor een leuk kadootje , brocante of voor een aanvulling op uw servies, bv., Emma Bridgewater of Burleigh servies, maar ook voor jams , chutneys of thee ook verkopen wij wenskaarten en ook nog postzegels, Kom gerust een keertje langs, kijk op de website, of like ons op facebook,

open woensdag t/m zaterdag middag, ‘s zomers ook dinsdagmiddag open. tel. 0515-332279, www.amlifestyle.nl, AenMv2.indd 1

28-03-14 20:05


Noflik Easterein

Sibadawei 2, 8734 HE Easterein Telefoon: 0515 - 331290 - Restaurant-partycentrum -

Noflik Langwar

Buorren 31, 8525 EC Langwar Telefoon: 0513 - 499169


feefoer + keunstdonghannel Iepeningstiden loads:

Tiisdei: 7.30 - 12.00 en 13.00 - 15.00 Woansdeitemiddei: 13.00 - 17.00 Sneontemoarns: 8.15 - 12.00

ek foar al jo (lyts)fee… • hynders (Ynfo op ús webside) • skiep struiguod • geiten • (haksele) strie • kninen • spuonnen • hinnen • seachsel • hûnen • flaaks • katten Foer fan Vellinga:

‘Dát giet de goede kant út!’

GEBR. VELLINGA B.V. Tel. 0515-33 15 65 Sibadawei 26A, Easterein www.gebrvellinga.nl e-mail: gebr.vellinga@hetnet.nl


Doarpsaginda

Sneon 5 septimber

14.00

Sneon 4/5/6 septimber Snein 6 septimber Moandei 7 septimber

Milleniumloop troch Easterein Eksposysje skilderijen yn de Martinitsjerke

9.30 19.30

Gospeldienst, Martinitsjerke Skilpleinkonsert

Freed 11 septimber

Slotmiddei/jûn jeugd KF Easterein

Sneon 12 septimber

Âld papier

Woansdei 16 september 19:45

Passage: Lêzing troch mevr J. Krook

Freed 25 septimber

13.00/14.00 Wilhelmina op Omrop Fryslân

Sneon 26 septimber

22.00

Bandjûn by Noflik Easterein: Stageline

Snein 27 septimber

16.00

Bluescruise Eastersnein bij Noflik Easterein mei APK Blues Station

Aktiviteit om útens: Greidelûd sjongt snein 13 septimber om 9.30 yn de tsjerke fan Spannum. Hawwe jo ek in aktiviteit foar de doarpsaginda? Stjoer in e-mail nei doarpskrante@easterein.nl


Waadrinne

Snein 16 augustus binne san 15 Eastereinders nei Peasens-Moddergat west te waadrinnen. Dit barren waard organisearre troch de f没gelwacht Easterein. Betiden oant de knibbels troch de slinken hinne en it reinwetter mei bakken 煤t de himel, se r没nen gewoan troch.


NU UW CV-KETEL VERVANGEN IS

* Actieperiode 1 mei tot 14 juni 2014. Vraag naar de voorwaarden

GRATIS 10 JAAR COMFORTGARANTIE*

Ook toe aan een nieuwe cv-ketel? Wij adviseren u graag! Uw ATAG SelectDealer:

Fabrykswei 7 Easterein T. 0515 - 331 512

www.dejonginstallatiebedrijf.nl info@dejonginstallatiebedrijf.nl


It Wurk fan Romine Jelsma troch Romine en Anneke

Romine Jelsma bringt elke moanne it doarpskrantsje rûn yn in stikje fan Easterein. Mar wat docht se einliks troch de wike. Ik stelde har wat fragen. Wa is Romine? Myn namme is Romine Jelsma en bin hikke en tein yn Easterein. Ik bin 37 jier en wenje tegearre mei Michel van der Laan. Tidens myn stúdzje ha ik seis jier in Ljouwert wenne, wêrnei ik werom gongen bin nei Easterein. Wilens wenje wy op de Vrijburg. Mar ik bin berne op Dobbelân 10 en op myn achtste ferhúze nei de Van Eysingaleane. Nei myn stúdzje bin ik op de Ljits kommen te wenjen en no dus sûnt in pear wike op de Vrijburg. Frijwilligerswurk en hobby’s Myn hobbys binne follybaljen, keatsen en lêze. Follybal doch ik al sûnt myn achtste. Keatsen bin ik folle letter mei yn oanrekken kommen. Op myn 21ste bin ik hjir mei starten en mei ik graach yn de simmer in baltsje slaan. Op it stuit doch ik net safolle mear oan frijwilligerswurk. Mar ik ha in de Technyske Kommisje sitten fan de follybal- en keatsferiening. Fierders stean ik sa no en dan efter de bar yn de Skoalleseizze. Ik bin fan miening dat as je lid binne fan in klup, je dêr ek wat foar dwaan moatte. Al is it mar in pear oerkes per jier. Je kinne net ferwachtsje dat oaren it altyd wol dogge. Wat fan wurk hast en hoe is dat sa kommen? Troch it gesellige studintelibben ha ik myn stúdzje net ôfmakke en bin ik kommen te wurkjen foar Cendris yn Ljouwert. Dit is in grut callcenter mei meardere projekten. Ik wurkje op it projekt PostNL Zakelijk. Dit hâld yn dat ik lyts en grut saaklike klanten fan PostNL help mei alle fragen. Dit kin per e-mail of tillefoanisch. Derneist bin ik moarns dwaande mei it ferwurkjen fan meldings fan de sorteer- en distributiecentra. Leafde troch it wurk Myn freon Michel wurket ek foar Cendris en is teamleider. Mominteel noch op it projekt Tele2, mar meikoart op in hiel nij projekt. Wy ha inoar ek op it wurk kennen leart. Trije jier lyn ha ik fia it wurk in oplieding dien. Myn teamleider wie ek myn stúdzjebegeleider. Mar op it lêst waard hy siik en moast in oar it oernimme. Dat waard gelokkich Michel. Stikem fûnen wy elkoar al


aardich, mar ja hoe komme je persoanlik yn gesprek. Troch de stúdzje kaam er in soad kontakt en wie it wol gau dúdlik. Earst moat je je noch stil hâlde, want hy moast wol myn opdrachten foar skoalle goedkarre. Je wolle ek gjin praatsjes ha. Dêrom ha we syn leidinggevende fry gau ynljochte. No noch gjin twa jier letter stean we op it punt om papa en mem te wurden. Michel komt fan oarsprong ut Grins en sprekt gjin Frysk. Sa no en dan efter de bar Fierders kinne minsken my miskien fan It Dielshus yn Wommels. Yn 1994 bin ik begûnen te wurkje foar Durk Douma yn de snackbar It Foltsje. Hjir ha ik seis jier lang in moaie tiid hân, mar ek hurd wurke. Dêrnei waard It Foltsje ferkocht en hie Durk It Dielshus oernommen. Sa no en dan skille der as ik ek ff helpe woe. Sjoen ik it wurk aardich fyn en de kollega’s gesellich, bin ik der nea mei ophâlden. Sa’n ien kear yn de moanne, stean ik dêrom noch te wurkjen. Sommigen ferklearje my foar gek, mar ik mei it graach dwaan. Sjoch it mar as in hobby. As wy dit lêze dan.... De kommende tiid sil myn libben feroarje en ik bin benijd. Wannear jimme dit lêze, is de lytse der al en ha jimme my miskien al rinnen sjoen efter de bernewein.


Gong is alles, home is home Troch Nathalie Oliveiro De titel fan dizze kollum wachtet al in skoft om lêzen te wurden. Noch foar myn fytsaventoer nei Spanje hie ik him yn 'e holle. Doe't ik sa ûnderweis wie, tocht ik wol oan thús, mar hielendal net oan dêr hinne gean. Ik gong ommers hieltyd fierder fan hús. Ik freegje my ôf wat no eins thús is. It wurd home sjogge wy sa faaks werom dat ik twivelje. Op sosjaal media, websiden ensafh. kinst nei home oftewol hús gean, mar bist dan ik echt thús? De minske is tsjinwurdich safolle mei en op it ynternet dwaande dat ik hast tink dat se har dêr mear thús fielt dan yn in echt hús. Sûnder ynternet fiele wy ús keal as Easterein sûnder Martinitsjerke en sûnder smartphone yn 'e hân fiele wy ús ûngemaklik as ús doarp sûnder fuotbalfjild. Neat op tsjin hear, mar as wy gjin ferbining hawwe, binne wy like goed part fan de grutte wide wrâld, en sis no sels, de minsken meitsje ús doarp, nét de dingen dy't der yn stean. Amy Winehouse is ek nei hús gongen. In hiel oar soarte thús. De dokumintêre oer har libben is no te sjen yn bioskopen yn Nederlân. Yn 2011 is sy stoarn, mar hoe't dat presys gongen is, wit net ien. Raasde sy troch it libben omdat sy wurch wie fan alles om har hinne? Pharrell Williams sjongt yn ien fan syn nijste ferske oer frijheid, miskien socht Amy dat ek wol... ik hoopje dat sy har thús no fûn hat. Dat hoopje ik ek foar al dy flechtlingen yn ús lân. En, dat hoopje ik ek foar ússels. Thús yn dyn hús wêze, is dat ek echt thús wêze foar dy? As bist yn 'e holle


hieltyd mar earne oars? Binne jo thús op it wurk as binne jo yn gedachten dwaande mei hiele oare plannen, lichtwol in eigen bedriuw? Fielsto dy thús by in persoan, as bist allinnich mar by him omdat elkenien dat fan dy ferwachtet? Echt thús wêze kinne we pas as we stil binne en lústerje nei ús hert. Wylst ik nei Santiago de Compostella oan it fytsen wie, socht ik de leafde, fûn ik frijheid yn de skitterjende bergen en fielde ik mei thús by de minsken yn Spanje. No't ik wer werom bin, kin ik mar ien ding sizze: Gong is net alles, mar home is dochs echt wol home. Foar elk dy't op fakânsje west hat: wolkom thús! En foar elkenien: op nei in suksesfol seizoen 2015-2016!

Hierbij willen wij bedanken voor alle aandacht, bloemen en kaarten die wij tijdens onze ziekte hebben ontvangen. Tevens maken wij van de gelegenheid gebruik om te melden dat wij per 17 september a.s. verhuizen naar Nijstapert te Wommels, ons adres is dan: Sybren de Vlasstrjitte 35 7831 CK Wommels. Bij deze bedanken wij voor al onze donateur- en lid-maatschappen.   Met vriendelijke groet, A. en A. Stegenga


Snypsnaren

troch Jan Hiemstra De reinwettersbak Wetter is altyd noadich: om te drinken en te himmeljen, foar de planten en …. om te riden en te farren. Om it te drinken moatte jo skjin wetter ha en dat kaam jierrenlang út de reinwettersbak. Soms hie ien hûs ien bak, mar it kaam faak foar dat in stik of wat húskes mei-inoar ien bak hiene. Sa ’n bak siet yn de grûn. De boaiem en de sydkanten wiene fan opmitsele giele stientsjes en op de bak stie in fjouwerkant mei in lid. It reinwetter fan de dakken waard der yn opfongen en alle fûgelstront en oare smoargens gong de bak yn. As it krekt reint hie wie it net ferstannich wetter mei it akerke (in lyts ammerke oan in ketting) út de bak te skeppen. Droechte Yn de lytste húskes wennen faaks de grutste húshâldingen en yn in drûge simmer wie de bak gau leech. Wiene it dan ´Hervormde´ minsken, en dat wie elkenien yn de tsjerkehúskes, dan wie der noch gjin need, want oan de súdkant fan de herfoarme tsjerke wie de grutte tsjerkebak. Dêr mochten de ´Hervormden´ wetter úthelje. Hoe ´t grifformearden en misken dy ´t neat wiene it yn drûge tiden hiene, wit ik net. Wennen jo bûten it doarp dan wie it mei it wetter yn drûge tiden problematysker. Guon minsken koene mei in pomp wetter út de grûn


pompe, mar dat kaam net sa faak foar. In dobbe yn it lân joech oan it fee mooglikheden. De boeren krigen in part fan de bussen dy ´t mei molke dy ´t nei it bûterfabryk gongen en dêr op de ´melkontvangst´ lege waarden mei waai (foar de keallen) en …. wetter (foar de minsken) werom. Bakhimmelje Sa no en dan hie in lege bak in foardiel, want dy koe himmele (schoongemaakt) wurde. Earst mei in ljedder de bak yn en dêrnei it laachje smoargens op de boaiem der úthelje. It wetter út in himmele bak waard der net minder op! Om it wetter op kwaliteit te hâlden hiene guon minsken in mûdhûn (zeelt, een vis zonder schubben) yn de bak. Dy mûdhûn liet him, om yn libben te bliuwen, de wetterflieën út it bakswetter goed smeitsje! Wetterlieding Likernôch 1947 kaam de wetterlieding yn it doarp, en dan allinne noch mar yn de beboude kom, want de bûtengebieten wiene ´ûnrendabel´. It hiele doarp stie op syn kop; oeral moasten der sluven (mei de hân) groeven wurde om de liedingen oan te lizzen. Oant de gongskant fan de foardoar kaam in betonnen putste en dêr kaam de lieding mei de haadkraan op út. De eigener fan it hûs moast der dan sels foar soargje dat it wetter fierder de wente yn kaam. Yn hiel wat huzen waard der in kraan yn de gong pleatst en dat wie dan in hiele lúkse: net mear ôfhinklik fan it waar, net mear nei de bak en skjin wetter! Wetterklosetten Earst doe ´t der wetterlieding yn de huzen kaam, koene der WC ´s oanlein wurde, mar dat gong net sa hurd. Yn myn belibbing barde dat allinne mar yn de herf. pastorij en it hûs fan it skoalhaad. Ek by de boargemaster, de dokter en yn de grifformearde pastorij sil dit sûnder mis it gefal west ha, mar de measte huzen hâlden in húske (al as net bûtendoar) mei in tontsje. As der al in WC oanlein waard, dan waard de bak, dy ’t net mear noadich wie, brûkt as bearput. Sunich Doe’t der noch gjin wetterlieding wie moasten de minsken wol sunich mei wetter wêze. Wat wetter foar de kofje en de tee. Wat wetter yn de tobbe om de wask te dwaan en de wask dêrnei út te spielen, mar dat barde ek faaks by it stalt. Wat wetter yn in tobke om josels te waskjen, want dûse wie in noch ûnbekende lúkse. Yn de ´nije´ huzen oan de Sjaerdaleane dy ´t yn 1948 klear


kamen siet noch gjin dûs. Ek yn dy huzen wie mar ien kraan by it oanrjocht mei allinne kâld wetter. Geisers en boilers kamen earst letter. Dat waskjen fan de minsken sels barde hiel wat minder frekwint as hjoedde-dei. Alle dagen efkes om it gesicht en ien kear yn de wike hielendal mei wat waarm wetter yn in tobke en dan tagelyk ferskjinje. Kafeehâlder Jelle Bergsma hie yn de gaten dat der jild te fertsjinjen wie en liet in dûs pleatse der ´t foar kwartsje op sneon dûst wurde koe. Dêr makken tal fan Eastereiners gebrûk fan. Smoarch wetter Wat der oan wetter de huzen ynkaam moast der as smoarch wetter wer út. It waard soms opfandele yn in ´smoarge amer´ of it gong yn it rioel. Mar yn alle gefallen kaam it, net suvere, yn de feart. As der dan mar beweging yn de feart siet dan foel it wol ta, mar by stil steand wetter stonk it ôfgryslik. It stikje feart by ús foar hûs wie dea wetter, want earst letter die bliken dat de buis by de ´hokken´ ferskood wie en der gjin trochstream wie. Net allinne simmers, mar ek winters as der iis yn de sleatten lei koene jo je wille op. Op it iis leine dan skier beferzen plakkaten ôffalwetter en de beferzen ´hearlikheden´ út de smoarge amers. Om dêr dan trochhinne te riden wie net botte aardich. Oan dizze situaasje is yn de tachtiger jierren in ein kommen doe ´t der in parslieding oanlein is om it smoarge wetter nei de wettersuvering te pompen.

Bij deze wil ik iedereen bedanken voor alle steun op welke manier dan ook na mijn heupoperatie, het gaat nu gelukkig weer heel goed met me.  Iedereen wordt hartelijk bedankt voor het bezoekje, een bloemetje, een tekening, een kaartje of  gewoon een lief berichtje op Facebook.  Ook namens Lolke. Greet Bouma de Jong Tsjerkebuorren 33


Tijd voor Taal in de week van de Alfabetisering Er is geen tijd meer te verliezen: het is tijd voor Taal! Woensdag 9 september kan iedereen genieten van een mooi verhaal onder het genot van een High Tea. Tevens is er de mogelijkheid om een potje scrabble of Lingo te doen zodat uw taalkennis weer wordt bijgespijkerd. Ga de uitdaging aan en win van‌ U ben van harte welkom vanaf 15.00 uur in de bibliotheek van Wommels. Meld u zich van te voren wel even aan bij ons? De kosten bedragen slechts het symbolische bedrag van ₏ 2,50. Week van de alfabetisering Bovendien worden in de week van de alfabetisering de DigiTaalhuizen in de bibliotheken van Sneek, Joure en Heerenveen geopend. Wie moeite heeft met lezen en schrijven of het moeilijk vindt om met de computer te werken, ondervindt steeds meer problemen in het dagelijks leven. In 2017 gaat de overheid digitaal. Een verhuizing doorgeven een aanvraag doen het gaat allemaal via de computer. Kom naar het Digi-Taalhuis in de bibliotheek en vertel waar u moeite mee heeft . En wij leren het u! Voor meer informatie kunt u ook altijd in de bibliotheek van Wommels terecht. Vertellen met de vertelkast Je kunt niet jong genoeg beginnen. Vrijdag 18 september gaan we voorlezen met de vertelkast om 16.00 uur. Voor kinderen van vier tot acht jaar. Een verhaal komt tot leven in de vertelkast en sleuren uw kinderen mee het verhaal in. Ja, woorden zijn altijd gratis in de bibliotheek van Wommels. Coderdojo Tot slot is er op vrijdag 25 september weer een Coderdojo midag. Vanaf 16.00 uur kan er onder begeleiding van vrijwilligers geprogrammeerd worden in de bibliotheek. Voor alle jeugd van 7 tot 17 jaar. Ga voor alle informatie naar www.coderdojo-wommels.nl en geef je op. Bibliotheek Wommels Walperterwei 14E 8731 CD Wommels 0515-332000 wommels@bibliothekenmarenfean.nl


D! NIEUW IN FRIESLAN

elen? ent willen leren besp m ru st in n ee g aa gr ment of zou je s! Speel jij al een instrukschool Friesland aan het juiste adre e les op het instrument dat je ie rst uz ee M f de Dan ben je bij ten en speelt vana er ervaren muzikan luidstechniek. en ge fessionele en ze , bas of zelfs lichtJe krijgt les van pro gitaar, drums, zang rd, oa yb ke , no graag wilt leren. Pia

! n i e r e t s a E n i s e l r Nu moaiol GkerritgHiintgast avoor meer informesatlaien,d.nl Bel of uziekschoolfri m t@ ri er g / 8 7 5 1 06 184 2

lfriesland.nl o o h c s k e zi u .m w ww


Boekemerk/wintermerk

De ZWO groep fan de diakonij sil op 27 en 28 novimber in boekemerke hâlde yn de Martinitsjerke fan Easterein. Der binne al in moai soad boeken ynlevere, mar der kinne fansels noch wol mear by. We wolle ek graach krystkaarten ferkeapje.

Wa wol krystkaarten foar ús meitsje? Krystkaarten en boeken kinne brocht wurde bij: Tineke Vink (333134) of bij Folkje Visser (332269) We sykje noch in goed doel foar de opbringst. We tinke oan in projekt yn ús eigen omjouwing. De iepeningstiden fan de merk: Freedtejûn fan 19.00 oant 21.00 Sneon fan 10.00 -12.00 en middeis fan 13.00 16.00


De Tsjerne seizoen 2015 - 2016 It is wer septimber, en sa as altyd betsjut dat de start fan it nije Tsjerne seizoen! Wy binne as bestjoer alwer drok dwaande west mei de tarieding op it kommende seizoen, en we ha wer in programma yn elkoar setten. Troch wat tsjinslaggen is it programma net hielendal wurden wat wy foar eagen hiene, we wûne graach útein sette mei in bekende DJ. Spitigernôch is dit foar earst net slagge, mar we bliuwe it probearren dus wa wit komt dit it kommende seizoen…. Hâld de aginda, webside en Facebook en doarpskrante yn de gaten, wy hâlde jimme op de hichte. Wy binne noch hieltyd oan it sykjen nei in ny bestjoerslid foar it sekretariaat, der wurde en binne ferskate persoanen frege mar spitigernôch is dit noch net slagge. We geane troch mei freegjen en hope ynkoarten al dat wy it bestjoer kompleet meitsje kinne. By dizze dus ek de oprop… hast belangstelling, nim dan kontakt op mei yn fan ûndersteande bestjoersleden. Understeand it programma foar septimber en oktober!!! Aginda foar de moanne septimber: 11 sept. Bernedisco groep 1 o/m 6 18.30 – 20.30 oere 12 sept. 7/8 Schoolparty groep 7 en 8 19.30 – 22.00 oere 19 sept. Iepen (gjin tema) fanôf middelbere skoalle 20.30 – 01.00 oere 26 sept. Slúten


Aginda foar de moanne oktober: 2 okt. Bernedisco groep 1 o/m 6 18.30 – 20.30 oere 3 okt. 7/8 Schoolparty groep 7 en 8 19.30 – 22.00 oere 10 okt. Iepen (gjin tema) fanôf middelbere skoalle 20.30 – 01.00 oere 17 okt. Slúten 24 okt. Iepen (gjin tema) fanôf middelbere skoalle 20.30 – 01.00 oere 31 okt. Bernematinee alle kids basisskoalle 17.00 – 19.30 oere Kleintje matinee fanôf middelbere skoalle 21.00 – 01.00 oere Wy hoopje op de jongerein fan Easterein en omkriten.... Kom allegearre en nim ek allegearre wat freonen en freondinnen mei, dan meitsje we der mei ús allen in moai, gesellich en leuk Tsjerneseizoen fan!!! Mei freonlike groetnis , Gerrit, Jelmer, Sjouke, Ieda en Marten


Laat er geen gras over groeien...

En kom voor al uw tuin- en parkmachines naar Bos. Of het nu gaat om een nieuwe grasmaaier, kettingzaag of hogedrukreiniger. Onze ervaren medewerkers helpen u de juiste machine te kiezen, nieuw of tweedehands. Na aanschaf kunt u dankzij onze ‘Parts Center’ rekenen op onze servicemonteurs voor vakkundig onderhoud.

deerd! n a r a g e g d ij lt A • de sterkste merken • deskundig advies • de beste service EASTEREIN / HARICH / SNEEK / TIJNJE |

149291-2-BOS-Adv-A5staand.indd 1

bosmech.nl

voor voor de de beste beste prestatie. prestatie. 01-04-14 13:46


Als MRW Accountants van de partij is…

…staat u er nooit alleen voor! GORREDIJK T 0513 - 46 91 30 SNEEK T 0515 - 42 98 00 WOLVEGA T 0561 - 61 67 15

www.mrw.nl -

info@mrw.nl


jubilaris kaarten boeken

geboortekaartjes printen

kopiĂŤren

offset drukken vouwen

trouwkaarten digitaal drukken

offset drukken

vergaren

HET VERTROUWDE ADRES VOOR AL UW familieDRUKWERK Easterein Sibadawei 20

Heerenveen Komeet 4

Bolsward De Marne 108b

www.vandereems.nl

Profile for Silvia Hania

Doarpskrantsjejseptimber2015web  

Doarpskrante Easterein - septimber 2015

Doarpskrantsjejseptimber2015web  

Doarpskrante Easterein - septimber 2015

Advertisement