{' '} {' '}
Limited time offer
SAVE % on your upgrade.

Page 1

EASTEREIN, maart 2016

DOARPSKRANTSJE


Couperus Hydrauliek uw specialist voor hydraulische systemen, aandrijftechniek en machinebouw. Kwaliteit staat bij ons voorop. Onze uitstekende dienstverlening, de persoonlijke aandacht voor elke klant en het meedenken in een oplossing in de technieken die afhankelijk zijn van oliedruk, zijn daarvoor het bewijs. Wij zijn dan ook snel in staat om op een vakkundige manier storingen te verhelpen, reparaties uit te voeren of nieuwe machines voor u te ontwikkelen. Wij leveren onder andere de aggregaten en machines voor bijvoorbeeld de kunststofindustrie, destructiebedrijven, papierverwerkende industrie, landbouw en de scheepvaart. Daarnaast bouwt Couperus Hydrauliek ook eigen machines. Zo hebben wij ervaring met het bouwen van: • Miniheistellingen • Plamuurpersen • Palenkrakers

• JPL-Persen • Krammenpersen • Kielklemmen

Door de steeds strenger wordende regelgeving omtrent veiligheid en milieu, leveren wij CE gekeurde systemen en machines. Dit geeft u dus de zekerheid dat u een goed product koopt bij een deskundige en betrouwbare leverancier.

Couperus Hydrauliek BV | Fabrykswei 9 | 8734 HV te Easterein info@couperushydrauliek.nl | T 0515-332288 | F 0515-331640


Kolofon Maart 2016 Redaksje Anneke van Beem Yvonne van Beem Bauke de Boer Elisabeth Breeuwsma Amarins de Haan Nathalie Oliveiro Foto foarkant Klaas Kamstra

Pleats blommen yn it libben Meitsje wille dei oan dei Stap oer de stikels hinne Dy' t steane oan dyn wei

Kopy doarpskrante doarpskrante@easterein.nl as by Amarins: foarbuorren 7 Kopy doarpswebsite info@easterein.nl Twitter @easterein_frl Facebook Fraach&oanbod&sa Advertinsje? nim dan kontakt op mei doarpskrante@easterein.nl Rekkennรปmer: NL70RABO0349501726 u.f.f. doarpskrante Printwurk Drukkerij Van der Eems

Kopy foar it folgende krantsje graach oanleverje foar tongersdei 24 maart


6

@defabriek058 facebook.com/defabriek058


Baukje Terpstra stiet op billboard! troch Yvonne van Beem

De ôfrûne wiken koene je net om Baukje hinne. Bledside foljend yn ferskate kranten en op it grutte posters yn Ljouwert. Baukje Terpstra (17 jier) is it gesicht fan de beurs “Vrouw” yn it WTC yn Ljouwert welke holden wurdt op 11, 12 en 13 maart. Hoe is sa kaam? “Foarich jier wie ik op de beurs en der wie in stand wer je opmakke wurde koene en dernei op de foto . Dit like Jeska (myn suske) wol wat ta mar we binne dôchs earst mar trochrûn omdat it nochal drok wie. Dat trochrinne wie de bedoeling mar doe waarden wy oansprutsen. Se foenen dat we wol moaie gesichten hiene en as we dôchs net foto’s meitsje litte woenen. Dat haw we dien. Dernei koene de minsken op de foto’s stimme. De famkes mei de measte stimmen waarden útkeazen om in fotoshoot te meitsjen foar de poster fan Vrouw 2016 en ik siet der by! Fan it simmer binne der foto’s makke by kook studio Lokaal 55 yn Snits. Hartstikke leuk om in kear te dwaan.” Gjin karriêre as model? “Nee, derfoar ha ik net de goede maten, it wie in leuke erfaring mei moaie foto’s as resultaat”. Baukje giet gewoan fierder mei har oplieding as doktersassistint yn Ljouwert en dernei troch yn Grins foar in ferfolgstudzje.


De âlde doaze witte jo wa’t dit is?

Lâns dizze wei wolle wy elk betankje foar it omtinken oan it ferstjerren op 5 desimber 2015 fan ús mem en ús beppe Frouwkjen Osinga We krigen besite, brieven, kaartsjes en telefoantsjes mei bemoedigjende wurden. It hat ús tige goed dien. Groetnis fan Grytsje, Anne Jent, Haije Mink en Sietie, Ids en Minke, Anne Jent jr, Ids, Wilma en Siebo.


geke

GRIENE ENERZJY

kOÖPERAASJE eASTEREIN

Doch it foar dyn doarp! Stap oer: Sjoch op: www.geke-easterein.nl

Openingstijden: Woensdag, donderdag en vrijdag tot 20.00 uur geopend.

Dinsdag:

8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur Woensdag 8.30 - 13.00 uur Donderdag 8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur Vrijdag: 8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur 19.00 - 21.00 uur

Deze cad vanaf nu kunt u ook online reserveren. Woensdagavond van 17.00 - 20.00 uur knippen zonder afspraak.

Bruidskapsels en verdere behandelingen op afspraak. U kunt hier ook terecht voor uw ORIFLAME PRODUCTEN.

HOTTINGAWEI 4 8771 ST Nijland. Telefoon: 0515 - 569099

Wilma.indd 1

23-05-14 21:35

0515 - 333873 Terp 27 Wommels www.metzstyle.nl


kapsalon

’t Kniplokaeltsje

Skilplein 1 8734 GW Easterein Tel.: 0515 - 33 23 20

Oant sjen!

Op freed fan 18.00 - 20.00 oere sûnder ôfspraak!

visite-afspr.kaartje.indd 1

Skilplein 1 8734 GW Easterein T (0515) 33 23 20

05-12-2013 11:04:34

Oant sjen!


Nieuws van de Tennisvereniging www.tvsmash-easterein.nl Het tennisseizoen gaat bijna weer van start. Ons openingstoernooi is op 26 maart. Kom gerust even gezellig langs of geef u op en doe mee! Wij nodigen u graag uit om op een leuke manier kennis te maken met tennis, of om lid te worden van T.V. Smash. We zetten enkele zaken even kort voor u op een rij. Meer weten? Bel Berend Santema 06-57 56 76 05 of bekijk onze website www.tvsmash-easterein.nl Lid worden van T.V. Smash De contributie bedraagt € 85,- per jaar. Nieuwe leden krijgen 2 jaar lang 30% korting op deze contributie. T.V. Smash heeft een aantal tennisrackets beschikbaar waarmee u uw eerste balletjes kunt slaan. Tennislessen bij T.V. Smash U kunt ook tennislessen volgen bij T.V. Smash. De lessen worden gegeven door Tennischool van der Lecq en Hilverda. De tennislessen houden het volgende in: - Lessen: 15 lessen 50 minuten - Kosten: 2 termijnen van € 50,85 - Opgeven voor: 28 maart - Start: maandag 4 april - Opgave lessen: www.tennislh.nl Maak kennis met tennis Daarnaast biedt Tennischool van der Lecq en Hilverda “Maak kennis met tennis” aan. Zo kunt u kijken of tennis geschikt voor u is. Het programma ziet er als volgt uit: - 6 lessen 50 minuten 1 x per week - Geen lidmaatschap en gratis gebruik van racket en tennisballen - Kosten bedragen € 39,95 - Opgave: www.tennislh.nl - Start 4 april (opgeven voor 28 maart) Het bestuur van Smash en Wilco van der Lecq


It Grutte geheim fan Easterein

Anneke van Beem en it Valentijncomite Op 14 febrewaris is it Valentijn west, miskien ha jimme der fan heart of sels gebrûk fan makke, mar je koene fia facebook ynskriuwe op in tiid en dan waard der foar in lyts bedrach op snein te moarn 14 febrewaris in moarns brochje by jo brocht. Troch twa minsken dy dit anonym dien hawwe. Je koene je leafde ferrasse en dizze twa toppers hawwe jo ferrast, mei it idee. Dat der folle gebrûk fan makke is, koene jimme op facebook fine en snein te moarns streamden de betankjes en de kompliminten it web ek al gau oer. It wie in super leave aksje. Wy mochten ek net witte hoe as wat en we mailden wat fragen nei in anonime e-mailadres. Want hokfoar toppers sieten efter dit leafdesidee?

Hoe is dit sa betocht?

Ik ha wol gauris wylde ideeën. Ik bin dan gelyk razend entûsjast! Mar faaks wurde se troch oaren om my hinne (dy‘t wat realistysker tinke) ûnderúthelle en sjoch ik faaks sels ek wol yn dat it yndied miskien net slagge wie. Sa kaam ik ek samar by dit idee. Thús by heit en mem wiene wy ek altyd fanatyk mei Valentijnsdei. Elkenien jout wat oan inoar om blike te litten dat we wiis mei inoar binne. Mar wat soe ik no dit jier mei Valentijnsdei betinke? En doe kaam samar dit idee. Myn wederhelte helle ‹gelokkich› myn idee net lyk ûnderút mar frege hoe›t ik dat dan foar my seach. Sa betochten wy hielendal hoe›t wy it dwaan soene. Mar de grutte fraach, soe der wol immen oan meidwaan.. Dat wie it iennige wat we net wisten. We hawwe der in nachtsje oer slipt. De oare deis noch hieltyd entûsjast en doe ha we sein.. We probearje it gewoan! (Yes, einliks wer ris in wyld idee wat ik trochsetten gong!)


Foar jimme wie it fest ek spannend, hoe ha jimme dit geheim hâlde kinnen, of hiene jimme helptroepen? Ja, it wie spannend mar dat makke it júst sa leuk! Myn wederhelte koe it goed stilhâlde, mar ik bin sels in persoan fan: ‹waar het hart vol van is, stroomt de mond van over.› Haha! Dus foar my wie it wol pittich! Sels tsjin heit en mem koe ik it net fertelle want ik soe it just leuk fine dat sy ek deroan meidwaan soene. Is der in soad gebrûk fan makke? Wy seine tsjin inoar: «al binne der fiif, dy hawwe we dan mar wer. Dan kinne we yn elk gefal dy fiif minsken bliid meitsje». Mar it rûn hieltyd langsum oan troch. Uteinlik ha ik myn bruorkes en suskes ek in ontbijtsje jûn! Doe kamen we op 22 totaal!! In moai sukses dus! Wie it folle wurk? Myn wederhelte leit sa›t de measten wol witte nei in hernia- operaasje thús op it siikbêd mar soe my safolle mooglik helpe as der koe. Ik hie sels alles al op papier setten wat we nedich hiene, wat it kostjen gie etc. Gelokkich hat de Jumbo ús in stapke holpen troch de doazen te sponsorjen. We soene dan gewoan fan alles wat der yn lizze en klear. Mar it wie wol wat mear wurk dan ferwachte! De hiele wike Jumbo op en del en de hiele sneon hapkes ferdiele en ynpakke en dingen ferdiele. Sneintemoarn 6 oere gie de wekker. «Hast noch ris sa›n goed idee? Op de leafdesdei 6 oere derút!» Wie it earste wat myn wederhelte sei moarns betiid. Mar no wie it einlik safier, no kaam it leuke diel fan it plan. Hoe ha jimme it dien, by de doar delset en fuortdrave of wiene jimme ferklaait? It hat my hiel wat muoite koste om myn mantsje ferklaait te krijen mar moarns betiid healwei 7 hie’k um safier. Beide in moaie fermomming sadat


nimmen ús werkenne soe. Machtich! Wat wiene de reacties? Dy wiene boppe ferwachting posityf! Ik tocht dat de minsken dy›t meidwaan soene it fansels wol leuk fine soene. Mar we krigen safolle leuke reaksjes! It feit dat myn idee oansloech en dat we wat leuks foar de minsken dwaan koene wie foar my al kicke! Doe›t we ek noch safolle reaksjes krigen dat minsken it sa leaf fûnen.. Dat wie hielendal geweldich om te hearren! Wolle jimme sels noch wat kwyt? Wy hawwe in hiel soad wille hân, dankjewol allegearre dêrfoar! De aardichste mominten wiene it besoargjen mei ús twa! Doe‘t wy by Jacob Sjirk oanbelden bygelyks. Dy sei ferwûndere: „dit liket wol in oerfal!“. Elk fielde sich suver ûngemaklik oan ‚e doar omdat wy ferklaaid wiene en we eins neat sizze woene omdat se ús stim werkenne soene. In oar moai momint wie doe‘t myn eigen mem my earst net werkende, pas doe‘t ik fuortride soe en se it jild noch troch it raam joech seach se my hiel nuver oan. Se hat my letter ferteld dat se my doe oan myn hannen werkent hie. Al hie se de jûn derfoar al tsjin heit sein: „goh sa‘n aksje hie ek krekt wat foar ús Peet west. „ Ek hiene in oantal minsken der in berjochtsje by dien. Wy hâlde dy berjochtsjes fansels anonym, mar it wie moai om se te lêzen. De ien hie der in hiel leafdesferhaal fan makke wylst oaren it koart mar krachtig holden! Hiele leafe berjochtsjes! En wa binne jimme??? Der binne ûnderwilens al minsken dy‘t ús betrape hawwe of werkent oan de aaisikersjas en oan de skriuwstijl fan my. Wy woene ús anonym hâlde sadat we it miskien oar jier wer ris dwaan koene, mar de kommende jierren falt 14 febrewaris troch de wike. Mar hjir dan it antwurd: Wy binne Gerard van Asselt en Petra Yntema


Nijs fan de Biblioteek GROOT Súdwest-Fryslân & Littenseradiel DICTEE Tijdens de Boekenweek organiseert Bibliotheken Mar en Fean het GROOT Súdwest-Fryslân & Littenseradiel DICTEE. Iedere enthousiaste taalliefhebber uit de gemeente Súdwest-Fryslân of Littenseradiel wordt uitgenodigd de uitdaging aan te gaan om zijn of haar schrijfvaardigheid te testen. Meedoen is gezellig en leerzaam. Voorrondes op 12 maart Op 12 maart is er een voorronde in de bibliotheken van Bolsward, Sneek en Wommels. De finalisten gaan een week later in Bibliotheek Sneek de strijd om de titel aan, samen met een tiental prominenten uit de gemeenten. De dictees worden voorgelezen door woordkunstenaar Gerard Wortel. Op zaterdag 12 maart kan men meedoen aan de voorronde: in Bibliotheek Bolsward om 11.00 uur, in Bibliotheek Sneek om 13.30 uur en in Bibliotheek Wommels om 16.00 uur. De deelnemers worden een kwartier van tevoren verwacht en welkom geheten. De bibliotheek stelt schrijfmateriaal beschikbaar voor de deelnemers, na afloop ontvangt men een oorkonde. Finale op zaterdag 19 maart De minimumleeftijd voor deelname is 18 jaar. De voorrondes in Bolsward en Wommels leveren ieder vijf finalisten op. De voorronde in Sneek tien. Samen met een tiental prominenten uit de gemeenten gaan zij vervolgens op zaterdag 19 maart om 14.00 uur in Bibliotheek Sneek de spannende strijd aan om de titel! Gerard Wortel De dictees zijn gemaakt door Gerard Wortel en worden ook door hem voorgelezen. Behalve woordkunstenaar is Wortel theatermaker, entertainer, bard, stadsdichter en zanger. Op de middag van de finale kunnen deelnemers en publiek, terwijl het dictee wordt nagekeken, genieten van een voorstelling door Gerard Wortel. Hij gooit heel zijn theatervaring, zijn muzikale en theatrale creaties en al zijn levensliederlijke teksten in de strijd met het publiek en creëert op die manier steeds een nieuwe voorstelling. Toegangsprijzen en deelname De entree voor deze finalemiddag bedraagt voor het publiek € 5,-. Deelnemers aan het dictee betalen alleen éénmalig inschrijfgeld. Voor


bibliotheekleden is dat € 3,50 en voor niet-leden € 5,-. Aanmelden voor het dictee kan tot en met 7 maart via dictee@bibliothekenmarenfean.nl onder vermelding van de plaats (Bolsward, Sneek of Wommels) waar men mee wil doen.

Jûns foar Keningsdei spektakulêre survivaltocht troch Easterein Op tiisdeitejûn 26 april organisearje wy as Oranjeferiening in spektakulêre survivaltocht troch de buorren. Giesto dizze útdaging oan en dochsto ek mei? Der kinne maksimaal 75 dielnimmers meidwaan. Jou dy dus gau op fia info@oranjeenheitelan.nl Wannear Tiidstip Meidwaan Ynlis

: tiisdei 26 april 2016 : fanôf 18.30 oere by de Skoalleseize : fanôf 12 jier : € 3,- per persoan

It is foar elkenien dy’t fan de basisskoalle ôf is én foar folwoeksenen. Mear ynformaasje folget yn it folgjende doarpskrantsje. Mar hâld ek Easterein.nl en ús Facebook goed yn ‘e gaten !!! Mar wachtsje net mei opjaan, want fol = fol. Foar de skoalbern fan de Foareker is der op Keningsdei fan alles te dwaan. Die ynformaasje folget fia skoalle. Groetnis, Oranjeferiening Oranje & Heitelân

O

ra

nje

e n H e it el

ân


NIEUWE CV-KETEL NODIG?

NIEUWE CV-KETEL NODIG?

Er kan er maar één de beste zijn. Al 7 jaar! Er kan er maar één de beste zijn. Al 7 jaar!

Een ATAG cv-ketel zorgt voor een warm huis en royaal warm Een ATAG cv-ketel zorgt voor een warm huis en royaal warm

water. Dankzij betrouwbare techniek hoogste rendement. Er kan er maar één en dehetbeste zijn. Al 7 water. Dankzij betrouwbare techniek en het hoogste rendement.

jaar!

Een ATAG cv-ketel zorgt voor een warm huis en royaal warm

Nu bij water. ons ook verkrijgbaar de slimme WiFirendement. thermostaat Dankzij betrouwbaremet techniek en het hoogste Nu bij ons ook verkrijgbaar met de slimme WiFi thermostaat

ATAG One!

ATAG One

ATAG One!

ATAG One

Nu bij ons ook verkrijgbaar met de slimme WiFi thermostaat

ATAG One! Er kan er maar één de beste zijn. ATAG Al One 7 jaar!

AA+ Een ATAG cv-ketel zorgt voor een warm huis en royaal warm A+ A A XXL XXLtechniek en het hoogste rendement. water. Dankzij betrouwbare +

XXL

A

Er is is al een Er een ATAG ATAGcv-ketel cv-ketelvanaf: vanaf: Er is al een ATAG cv-ketel vanaf:

€ 2050,2050,€ 2050,-

Nu bij ons ook verkrijgbaar met de slimme WiFi thermostaat ATAG One!

×

×

ATAG E325EC + One

A

+

ATAG E325EC + One

ATAG E325EC + One

XXL

ATAG One

×

incl. installatie! incl. installatie! incl. installatie! * Vraag naar de voorwaarden

* Vraag naar de voorwaarden

* Vraag naar de voorwaarden

A

Er is al een ATAG cv-ketel vanaf:

€DE2050,JONG

INSTALLATIEBEDRIJF INSTALLATIEBEDRIJF

INSTALLATIEBEDRIJF

incl. installatie! DE JONG Fabrykswei 7 • 8734 HV Easterein

JONG Telefoon 0515 -331512 • Fax - 331716 Fabrykswei 7 •DE 8734 HV0515 Easterein

ATAG E325EC + One

×

* Vraag naar de voorwaarden

E-mail info@dejonginstallatiebedrijf.nl Telefoon 0515 -331512 - 331716 Fabrykswei 7 • 8734• Fax HV 0515 Easterein E-mail info@dejonginstallatiebedrijf.nl Telefoon 0515 -331512 • Fax 0515 - 331716

E-mail info@dejonginstallatiebedrijf.nl

INSTALLATIEBEDRIJF


‘De Tsjerne,

altyd gesellich’

Muzyk ‘De Tsjerne’ foar jong en âld! Op 13 febrewaris hat Johannes Rypma (fan The Voice of Holland) syn band ‘The Bounty Hunters’ in Oud mei & Nieuw prachtich fersoarge yn De Tsjerne. Spitich Naoptreden de prachtige en zeer goed georganiseerde vuurwerkshow aan de Eysingaleane een afsluitende afterparty ons altijd genôchVan wiene der net in protte minsken. Der wie yn deinomkriten in gezellige soad Tsjerne. Jong en oud vermaakten zich prima en de zaal was te belibjen, dit die ús siker net goed. Mar de minsken dy’t der wol wiene nagenoeg vol. Vele Eastereiners weten inmiddels de weg tijdens oud ha in ‘bere’geselliche jûn mei pikt! en nieuw naar de Tsjerne wel te vinden! Karnaval Butterfly Yn’t suden fan it lân ha se karnaval, mar wy yn it Tsjerne ek! Mei De opkomst wat feest. aan de kant, maarferklaaid. de gezellige sa’n 40 bern waard itwas in wier In magere protte hiene harren En ongedwongen sfeer maakte alles goed. Er is zelfs nog even ûnferwachts wie der ek noch in konfetty kanon. ‘geroeid’. Wederom een gezellige dorpsavond voor jong en oud. Het Op de foto sfear ympresje fanom dete bern yndat in kring, deroud waard in doetinhet bestuur goed zien jong en welmei degelijk fleske draaid en dan in lyts tútsje. Spannend en hiel gesellich. De bern samen een feestje kunnen bouwen. ha harren prima fermakke. Bestuurlijk Voor bovenstaande feestjes is onze koelcapaciteit wat aan de krappe kant. Desondanks heeft een ieder van een koud drankje kunnen genieten door het huren van een koelwagen. Mogelijk dat we hier in de toekomst vaker gebruik van gaan maken. De barvrijwilligers/bestuursleden zijn binnenkort in een nieuwe Tsjerne outfit te bewonderen. Agenda: 5 februari 6 februari 13 februari 27 februari 5 maart 5 maart

Kinderdisco, groep 1 t/m 6 19.00 - 20.30 uur 7&8 party, groep 7 en 8 19.30 - 22.00 uur Bounty Hunters met Johannes Rypma Vanaf 20.30 uur Gezellige avond voor jong en oud Vanaf 20.30 uur Kindermatinee (basisschool) met Jan Nota 17.00 – 19.00 uur Kleintje matinee met Jan Nota Vanaf 21.00 uur


Bestjoer We binne op e’syk nei in nije DJ’s om yn De Tsjerne te draaien. Wa’t it leuk liket om ús team te fersterkjen kin reagearje fia info@detsjerne.nl Agenda: 5 maart

Bernematinee (basisskoalle) mei Jan Nota 17.00 – 19.00 oere 5 maart S.c. Hearrenfean – FC Utrecht op in grut skerm Nei de wedstriid 5 maart Lyts matinee mei Jan Nota 21.00 oere 19 maart Geselliche jûn foar jong en âld Fanôf 20.30 oere 1 april Bernedisko, groep 1 t/m 6 19.00 – 20.30 oere 2 april 7&8 party, groep 7 en 8 19.30 – 22.00 oere 16 april Geselliche jûn foar jong en âld Fanôf 20.30 oere 23 april Slotjûn mei in hiele protte skom Groep 7&8 19.00 – 20.30 oere Fanôf de middelbere skoalle 21.00 – 01.00 oere Graach oant sjen yn ‘de Tsjerne’ It bestjoer Nijs fan de PASSAGE EASTEREIN Woensdag 16 maart 2016 om 19.45 in de Skoalleseize te Easterein.   Mevr. J. Bolt uit Kootstertille  komt ons vertellen over de 40 dagentijd voor Pasen. De geschiedenis van toen en de realiteit, die hiermee te maken heeft.   Iedereen is van harte welkom.   Het Bestuur


It wurk fan Riemy Kamstra – Kingma Troch Anneke van Beem

Riemy is 30 jier by de saak. Dat kaam my ‘ter ore’. Ik wurd der hiel nijsgjirrich fan. Is der in soad feroare, hoefolle kollega’s hat se wol net hân. Ik socht har op en stelde har wat fragen. Wa is Riemy? Riemy wennet oan de Foarbuorren 21 mei har man Klaas en harren 2 bern Rika en Rimmer. Wat foar oplieding hast dien? Riemy hat de LEAO yn Ljouwert folge. Je koene der twa kanten ut. De winkelkant of de kantoarkant. “Ik wie der direkt wol út”, sa seit Riemy. “Ik ha de winkelkant keazen, dat like my wol wat”. Nei har oplieding is se by de V&D yn Ljouwert bedarre (ik wie doe 18 jier). Dêr koe se bliuwe nei har staazje perioade. Earst wat yn de kantoarartikelen en letter nei de muzykôfdieling. Dat wie prachtich moai wurk. Dat wie spitich genôch mar in pear dagen. Jammer genôch is dat net mear wurden. Riemy wist doe ek presys wat de top 40 wie en inkelt at se dan no in nûmer heart tinkt se werom oan de moaietiid by de V&D dy twa jier duorre hat. Oan de slach yn de doarpswinkel Yn die tiid wennen Klaas en Riemy yn Winsum en op in dei stie Gosse Bouma foar de doar. “Oft ik ek by har wurkje woe. Yn de doarpswinkel’’ . Doe noch


de VIVO. En sa wie der ynienen in fulltime baan. ‘’ En op 9 januaris 1986 bin ik begûn. Ik wie de ferfanger foar in kollega die mei kreamferlof wie. Mar koe bliuwe’”. It wie in moaie tiid by Gosse en Klaske Bouma. Wer se 10 jier foar wurke hat. Dernei hat de Fam Tolsma it oer naam en sa is it noch altyd. Wat binne de grutste feroaringen yn dy 30 jier, útsein dat de namme fjouwer kear feroare is? Yn it begjin doe Riemy krekt begûn mei wurkjen wie it hiel gewoan, dat de klanten ien kear yn de wike betellen. Der wie in skrift wer alles moai yn byholden waard en ien kear yn ‘e wike waard der ôfrekkene. Dat wie in tiid dat je de minsken ek hast allegearre by namme koene en dat it allegear wat sosjaler wie. No sit de winkel oan de râne fan Winsum en bin der ek in soad klanten die yn it foarby kommen harren boadskippen dogge. “Je kin elk net mear”. Hoefolle kollega‘s hast wol net hân? “Der bin in soad kollega‘s west. Der is noch ien dy der al wurke doe ik begûn. Mar die giet hast mei de fut. Mar ik bin de tel kwyt”, sa seit Riemy. Tiid hâldt gjin skoft Der bin natuerlik ek wat jubilea fiert, de earste 10 jier wie by de fam Bouma, doe hat Riemy in moai sulveren horloazje krigen. Mei 25 jier wie it grut feest hjir yn’t kafee. En mei 30 jier wiene de felisitaasjes der yn de winkel. Ik bin no 10 jier by myn baas, wat ik alwer ris wat fyn. Bin benijd oft ik de 30 jier helje sil. Mar 1 ding is wier… de tiid giet ferrekte hurd.


Jaap Haitsma wint Emmy Award troch Nathalie Oliveiro

It wie in prachtich begjin fan 2016 foar âld-Eastereiner Jaap Haitsma: hy mocht de yndrukwekkende Technology & Engineering Emmy Award yn ûntfangst nimme. Spesjaal foar ús krantsje makke er tiid fry om hjir oer te fertellen. Foar’t wy it oer de Emmy Award hawwe, kinst miskien earst wat oer dysels fertelle? Ik bin yn 1974 yn Easterein berne en ha dêr oant 1997 wenne. Doe bin ik nei Eindhoven gongen om as ûndersiker by Philips Research te wurkjen oan in technology dy’t wettermerken hjit. Dit is in ûnsichtber sinjaal dy’t hja yn in fideo oanbringe kinne en detektearje kinne mei in spesjaal kompjûter programma. Troch yn elke kopy fan in film in oar wettermerk oan te bringen, kinst der efter komme wa’t yllegale films op it ynternet set. Yn 2008 ha ik tegearre mei oare Philips kollega’s in apart bedriuw opsetten: Civolution, dy makket fan dizze wettermerktechnyk produkten en ferkeapet se ferfolgens. Yn 2003 ha ik tidens in fakânsje yn Rio de Janeiro myn Chileense frou, Macarena, kinnen leard. Yn 2004 is sy nei Nederlân kaam en yn 2008 binne wy troud. Yn 2010 waard ús soan Lucas berne. Doe ha wy besletten om yn Santiago, Chili wenje te gean. De lêste 5 jier wurkje ik op ôfstân foar Civolution en jou ik lieding oan de technyske ôfdieling fan it bedriuw. Ik reizgje trochinoar hinne ien kear yn de moanne nei Europa dêr’t ús yngenieurs wurkje oan produkten en algoritmen. Ek gean ik nei de Feriene Steaten, dêr sitte de measte klanten fan ús. Yn 2012 is ús dochter Emma berne en oer in pear moannen hoopje we noch in dochter wolkom te hjitten. Jimme hawwe in geweldige prestaasje levere. Wat hâldt it winnen fan de Emmy Award no eins yn? De Emmy Award is te fergelykjen mei in Oscar, allinnich in Oscar is foar films en de Emmy is foar tv searjes. Kevin Spacey hat bygelyks in Emmy krigen foar syn rol yn de Netflix searje House of Cards. Ik ha gjin Emmy krigen foar


myn aktearprestaasjes, mar de organisaasje efter de Emmy, rikket elk jier ek prizen út oan bedriuwen dy’t in wichtige technyske bydrage levere hawwe oan de tillevyzje yndustry. Wêr hawwe jimme de priis foar wûn? En, hoe lang binne jimme hjir dwaande mei west? Dit jier krige Civolution in Emmy Award foar har wettermerk technology dy’t troch in protte bedriuwen yn de tv yndustry brûkt wurdt. It ûntwikkeljen fan dizze technology is begûn yn 1997, dus nei hast 20 jier is it in hiele moaie erkenning fan it wurk dêr’t ik tegearre mei kollega’s sa lang oan wurke ha. No bin ik wol tige nijsgjirrich, hoe giet de priisútrikking fan sa’n Emmy Award? De priisútrikking wie begjin jannewaris yn it Bellagio hotel yn Las Vegas. Earst wiene der drankjes en in diner. Nei it diner waarden de winners fan de Emmy’s ien foar ien it poadium oproppe en doe waard de Emmy útrikke. Wat wiene de reaksjes? De reaksjes wiene natuerlik tige posityf. De technyske Emmy Awards gean nammentlik meastal nei grutte bedriuwen lykas Sony as Netflix. It iennichste oare Nederlânske bedriuw dy’t oait in Emmy wûn hat, is Philips. Wy binne dan ek tige grutsk dat wy as lyts Nederlânsk bedriuw, mei in bytsje mear as 100 meiwurkers wrâldwiid, dizze priis ek yn ûntfangst nimme mochten.


Nieuws van gymvereniging O.D.I. Easterein Poiesz-actie: dit jaar doen we weer mee ! De actie loopt van 8 februari t/m 3 april 2016. Er wordt dit jaar weer gewerkt met het muntjessysteem. Wilt u O.D.I. steunen, haal uw boodschappen dan de komende tijd bij Poiesz. U kunt dan de muntjes inleveren bij één van de bestuursleden. Op zaterdag 26 maart van 10.00 tot 15.00 hebben we onze verkoopactiviteit van een speciale bakkerijaanbieding in de winkel van Scharnegoutum. Dit jaar kunnen er ook munten verdiend worden via de Facebook stemactie. De 50 verenigingen met de meeste stemmen krijgen 500 sponsormunten extra! Iedereen die stemt maakt bovendien kans op Poiesz waardebonnen! Stemmen kan vanaf maandag 8 februari: www.facebook.com/poieszsupermarkten Gymnastiekdemonstratie: is dit jaar op zaterdag 19 maart (’s ochtends). De leden zijn al druk bezig met de voorbereidingen. Het belooft weer een mooi spektakel te worden, dus houd die ochtend vrij ! Iedereen van harte welkom. Groeten van het bestuur, Wybrich Ynema (voorzitter) 0515-332132 Geertje van der Weerdt (secretaris) 0515-332387 Annebeth de Jong (penningmeester) 0515-331343 Hannah van Krimpen (kleding, alg. zaken) 0515-333504 Aurelia Koopman (algemene zaken) 06-48777809 https://www.facebook.com/ODIEasterein

Beste Doarpsgenoaten, Hjirby wol ik elkenien tige tank sizze foar alle omtinken, earst tidens myn ferbliuw yn it sikehûs yn Snits dernei tidens mien ferbliuw yn de Flecke yn de Jouwer. Fanôf 1 april 2015 oant 8 desimber 2015 bin ik ύt Easterein west. Ek by mien thύskomst krige ik in protte omtinken yn de foarm fan besite, blommen, kaarten, ensfh. Tige tank hjirfoar. F. de Boer - Leerstra Skoallestrjitte 44, Easterein


Gelukkige zombies Troch Nathalie Oliveiro

Deistige minsken ynspirearje my. Minsken lykas do en ik. It buorfamke, de slachter, de dûmny, de muzikant fan op ‘e hoek. Mei wat se dogge, at elkenien der is en wat se dogge as gjinien tasjocht. Mar, mear noch jout wat minsken sizze de trochslach foar myn skriuwen. Sûnder de wurden fan dizze minsken kin ik net. Sûnder jimme kin ik net. De lêste tiid wurdt der yn it nijs oandacht skonken oan de Niet Invasieve Prenatale Test (NIPT) en oft dizze al dan net troch de regearing oannommen wurde moat. Mei dizze DNA-test kin ûndersocht wurde as in frou yn ferwachting is fan in bern mei it syndroom fan Down. Soe dat it gefal wêze, dan kin hja it swierwêzen stopsette om sa it oantal bertes binnen dizze ‘groep’ te beheinen. Hja soene sizze dat dit lêste goed is. Mar, at hjir in abortus foar plak fine moat, tink ik dêr dochs oars oer. Dan knaagt der wat oan my. Hoe moatte de âlders fan bern mei it syndroom fan Down harren fiele? Is harren soan as dochter dan ek net gewoan minske, lykas ús, mei besteansrjocht? Mei gefoel? Mei... neam it mar op. Dy kombinaasje fan rjocht en gefoel is no krekt dêr’t it wolris mis giet. Yn it deistige libben ha wy in lykmoedige hâlding, binne we skaplike boargers dy’t it lestich fine wiere gefoelens sjen te litten. Sadree libben en dea mar ek in bytsje tichteby komme, dan ynienen moat der raasd wurde en is it krekt as wurdt de lokkige somby dy’t we earst wiene, wekker. Dan wolle wy beslist ús miening jilde litte, wylst as it echt oer ús sels giet, wy ús it leafst ferskûlje efter in masker fan ‘moaie blauwe loften en sinneskyn’. Minsken ynspirearje. At se no in beheining, sykte as betink-it-mar hawwe as net. En sis no sels, elkenien hat gebrekken, elk fielt him as har wolris flink beheind. Ik hoopje dan ek dat dit stikje net te persoanlik nommen wurdt. Jimme ynspirearje my. Ik ha jimme nedich. Want ja, ek ik hâld my somtiden as in lokkige somby.

Sjoch ek ris op www.easterein.nl


Snypsnaren

troch Jan Hiemstra De Snypsnaren fan febrewaris 2016 einigen mei de de alinea ‘No ha wy sa ûngefear de helte fan it doarp hân. ……. Yn maart gean wy fierder mei de oare helte fan it doarp. En safier is it no. Om de tsjerke Wy geane no earst oer it brechje oan de ein fan de Lytse Leane en lâns de noardkant fan de tsjerke: links de ‘pastorij’ en it paadsje nei it komelkershúske. Op wat no Tsjerkebuorren 19 is, wie de tekstylsaak fan Haaije Bergstra mei dêr tsjinoan it hûs der ‘t ‘post’ Rinze Zijlstra dy ‘t yn de wenkeamer alles wat mei tabak te krijen hie ferkocht. Neist it ‘steechje’ kaam de VIVO-krudenierswinkel fan Tiede Alie (Ypma).

Trije Eastereiner winkels op in rychje yn de fyftiger jierren: de tekstylsaak fan Bergstra, it wenhûs mei de tabaks’winkel’ fan ‘post’ Zijlstra en de VIVO-winkel fan Tiede en Alie. It stikje grûn dat dan komt is it plak fan in ôfbrutsen hûs. Wy binne dan by


Tsjerkebuorren 25 der ’t ferver Uilke Romkema wenne dy ‘t oan de efterkant (Skilplein) syn ‘ferverswinkel’ hie. Op de hoeke nei it skoalplein wenne Cornelis (Cees) van der Eems dy ’t oan hûs syn kopiearbedriuw hie mei (oan de kant fan It Kniplokaeltsje) in boekwinkel anneks winkel yn húshâldlik guod. Skoalplein Oan it skoalplein (Skilplein) stiene de legere skoalle en de beukerskoalle. Foar de bern yn dy tiid wie dit it sintrum fan de wrâld! Op it skoalplein sil oarspronklik grif in laach skil (skulpegrús) lein ha, mar yn 1950 lei der grint op. Oan it skoalplein yn de fierste hoeke stie de bakkerij fan Siebe Dantuma. (It stiet noch altyd boppe de doar.) Tsjinoer dizze bakkerij wenne Homme Joustra dy ‘t mei broer Ype in brânjehannel hie. Tsjinoer de ferverswinkel fan Romkema wenne frachtrider Sjuk Sandstra. Geane wy by it ‘skoalhûs’ links ôf nei de Skippersbuorren dan ha wy oan de rjochterkant in winkel. Dit wiene acht wenhuzen. Yn it earste (no it begjin fan ’t Heechhiem) wennen Tjalling en Lip Sietsma. Se ferkochten peteroalje en krudeniersartikelen. Neist har (oan de kopskant) wenne Marten Boersma dy ’t mei fleis sutele (= venten). Gean wy dan nei de oare kopskant dan wenne dêr Sietze Sijtsma dy ‘t hannele yn ‘tweedehandsgoederen’ en mei de bel troch it doarp gong. Nuvergenôch wiene Tjalling Sietsma en Sijtse Sijtsma bruorren! Skippersbuorren It brechje tusken it blokje fan acht en de Skippersbuorren is der ûndertusken net mear, want de feart foar de hokken lâns waard noch foar de twadde wrâldoarloch dimpt. Dat barde letter ek mei it stik nei it sportfjild en fierder. De minsken dy ’t dêr wennen, wennen lykwols doe noch oan de Skipperskade. Yn it earste hûs (’t Heechhiem 1) hiene Albert en Rinze Muurling harren brânstofhandel, mei dêrby noch harren hok oan de feart en it skip. Twa huzen fierder wie de skuonmakkerij fan Pieter Hiemstra yn it bûthúske der ‘t earder de kij stiene. Oan de efterkant fan dit blokje fan fjouwer wie de hannel yn kofje, tee en húshâldlik guod fan Jan en Sibbeltsje Bosma. Lâns de Skippersbuorrenfeart wenne timmerbaas Arend Leeman en dêrneist Jaring Postma dy ’t in frachttsjinst per boat hie. Wer wat huzen fierder (no nûmer 11) kaam de tekstylwinkel fan Gerrits Ide (Joustra). Yn it lêste hûs wenne Hilbrand Brandsma en dy ferkocht foar de feroaring peteroalje.


De Streek en Tsjerkebuorren Wy geane werom oer it skoalplein nei de Tsjerkebuorren. Yn it twadde hûs op nûmer 31 hie Johannes Strikwerda syn bakkerij. De bocht om (de Streek) bringt ús lâns in hûs dat yn de sechstiger jierren boud is op it plak der ’t de krudenierswinkel fan Ulbe Willemke (Sandstra) stie. Oer de brêge oan de rjochter kant (it twadde hûs) wenne bakker Syb Arema. Fierderop hie Tinus Levering syn peteroaljehannel. Werom oer de brêge kamen wy lâns in krudenierswinkel. Harke en Johanna Kamstra wiene der krekt út en Hendrik de Jong waard yn de ferboude winkel de nije Sparwinkelman. Neist dizze winkel hie kapper Thaede Hayes syn saak. Op de hoeke fan De Streek en de Tsjerkebuorren ferkocht Jelle Visser ûnder de namme ‘Warenhuis De Kroon’ boartersguod en tekstyl. Foar de brêge kaam dan noch de slachterij fan Sjoerd Bouma. Griene Leane en Pôle Wy binne sa stadichoan fierhinne mei ús tocht troch it doarp en krije allinne de Griene Leane (Grutte Leane) noch. Dizze begûn mei de ‘timmerwinkel’ fan de nije timmerman Pieter van der Heide. By de earste ôfslach gean wy efkes linksôf de Pôle of Frijburch op (no Skoallestrjitte). It wie in suterich part fan it doarp. Nei it hoekhûs (Skoallestrjitte 8) kaam it wenhûs (doe de helte fan no) fan Jan Joustra. Hy wie frachtrider. Wer wat huzen fierder (no nûmer 12) wenne winkelman Rinze van Dijk. Gean wy dan wer werom nei de Griene Leane dan kaam op nûmer 11 Gerrit Bruinsma dy ’t der mei frou Sjouke in grientewinkel hie mei in hiele grutte ierappelkelder. Op nr 13 komme wy lâns it húske der ’t Anne Hingst wenne. Hy ferkocht krudeniersguod en boerereau. Neist wat doe it steechje hjitte, stie it skildersbedriuw fan Jan Koops Lammersma. Dan folge op wat no in leech plak is it hûs fan Ype Joustra dy ’t mei broer Homme yn de brânje siet. Dêrnei kaam Johannes Stilma dy ‘t mei it útsuteljen fan brij- en molkekarre troch de tiid kaam. Dat die Uiltje van der Lei ek, mar dan fan út it bûterfabryk. Mei de ‘timmerwinkel’ fan ‘baas’ Freerk de Boer op de hoeke fan Griene Leane en Hidaarderdyk ha wy it hiele doarp troch west. De balâns opmakke Yn febrewaris sieten wy op 21 selsstannigen. Dêr komme no 33 by. Dat betsjutte yn 1950 dat der 54 húshâldingen hielendal of foar in part bestiene fan it doarp. No wie it gebiet der ’t hannel dien waard grutter as allinne Easterein. Easterein hie in sintrumfunksje; de klanten kamen ek út Itens, Hinnaard, Rien, Lytsewierrum, Reahûs en Hidaard. Mar yn guon fan dy


doarpen wie noch wol in bakker, in winkelman, in smid, in timmerman of in kastlein! Easterein en Reahûs kamen yn 1950 noch net as twa selsstannige doarpen yn de befolkingssifers foar, want Reahûs wie in ûnderdiel (in útbuorren) fan Easterein. Mei-inoar wennen der sa ‘n 1080 minsken, wêrfan yn Reahûs sa ‘n 280. Yn de doarpen Hinnaard, Itens, Lytsewierrum en Rien, en Hidaard sille doe mei-inoar sa ‘n 720 misken wenne ha. It hiele ‘fersoargingsgebiet’ fan, lang net alle selsstannigen sil op syn meast 1800 minsken west ha. Dit betsjut dat dy 54 húshâldingen fan it jild dat dy 1800 útjoegen, bestean moasten. De lêzer kin fan tinken wol ha dat it yn in tiid fan sinten, stuorkes, dûbeltsje en kwartsjes net botte rom sopke by hiel wat Eastereiners.

Woonwinkel , A&M Lifestyle voor een leuk kadootje , brocante of voor een aanvulling op uw servies, bv., Emma Bridgewater of Burleigh servies, maar ook voor jams , chutneys of thee ook verkopen wij wenskaarten en ook nog postzegels, Kom gerust een keertje langs, kijk op de website, of like ons op facebook,

open woensdag t/m zaterdag middag, ‘s zomers ook dinsdagmiddag open. tel. 0515-332279, www.amlifestyle.nl, AenMv2.indd 1

28-03-14 20:05


Posthuma Skilderbedriuw Underhâldsskilderwurk oan jimme hûs. Kleuradfys en kleurûndersyk. Behang en Skilderwurk. Restauraasje en imitaasje wurk. (hout en marmerimitaasje) Isolaasje fan besteande ramen mei dûbel glês of foarsetrúten op in uniek wize.

Foar in frijbliuwende priisopjefte Skilje 0515 - 33 13 13. POSTHUMA SKILDERS EASTEREIN

VAN KRIMPEN autoschadeservice

• AUTOSCHADE HERSTEL • OLDTIMER RESTAURATIE • TUNING Autoschade Service van Krimpen Industriepark 2 8701 PN Bolsward

• SPOT REPAIR • RESTYLEN

0515-336585 06-18639018

www.autoschadevankrimpen.nl


Tsjerkenijs

Protestantse gemeente te Easterein

De tijd dringt De tijd dringt dat wij in beweging komen en onze voeten nieuwe wegen gaan. De tijd dringt dat wij ons niet meer laten verdoven noch verblinden door de eigen welvaartsgoden. De tijd dringt dat wij weer recht doen aan het behoud van deze aarde en Gods schepping. De tijd dringt dat wij broeder dier niet meer behandelen als een willoos wingewest voor onze economie. De tijd dringt dat wij ophouden zuster natuur te verlagen tot het troostmeisje van onze consumptiewensen. De tijd dringt dat wij broeder lucht en zuster water weer gaan respecteren als onze naaste familie. De tijd dringt dat wij niet slechts willen heersen of verdienen, maar ook dienen in soberheid en zelfbeheersing. De tijd dringt dat wij onze vrijheid niet misbruiken Maar die inzetten voor de ethiek van de nieuwe aarde, Voor een cultuur van bouwen èn van bewaren. Alfred C. Bronswijk uit: “Rakelings nabij” Narratio


Yn de tiid foar Peaske, wannear‘t wy de ‘opstanning fan Jezus’ fiere, ha wy in perioade fan besinning: 40 dagen lang. Wêr binne wy mei dwaande yn ‘e wrâld ( sjoch gedicht hjir neist ) Mar ek : ‘Hoe stean ik sels yn it libben’ . Dit jier ha wy as tema:

“Zet een stap naar de ander “ Wy stappe mei ús skuon alle kanten út, om de oar te treffen. En om mei-inoar wat te ûndernimmen. Wa docht mei? Sa binne we mei elkoar ûnderweis nei it grutte Peaskefeest. Der komt aanst wer in kaart foar Peaske, wêr ’t mooglikheden op steane. Foar tsjinsten / in kuier / in moarnsbrochje yn tsjerke. Foar elk wat ‘wils’. Ek do bist wolkom.

Wolkom!


Dorpsgenoten, Recentelijk kregen wij weer klachten dat er grofvuil blijft liggen, met name op de hoek van de Stittenserleane en It kleaster. Om dit te voorkomen zetten hier nog even op een rijtje hoe het werkt met grofvuil bij de gemeente/Omrin. Aanmelden kan via www.omrin.nl of telefoonnummer (0900) 2100215. U kunt uw huisvuil ook zelf wegbrengen naar een milieustraat van Omrin. o o

Morsestraat 4, Franeker, telefoon (0900) 2100215. Exmorraweg 3a, Bolsward, telefoon (0900) 2100215.

Openingstijden: maandag t/m vrijdag van 9.00 tot 16.30 uur en op zaterdag van 9.00 tot 13.00 uur. - Zet uw grofafval op de inzameldag zoveel mogelijk gebundeld aan de openbare weg voor uw woning, zodanig dat het gemakkelijk op te pakken is. - Bouw/sloop, bedrijfsafval en asbest worden niet opgehaald! Dus altijd aanmelden via de site of bellen. Dan krijg je ook precies te horen wanneer het grofvuil opgehaald wordt. Zet het dus ook niet al week van te voren bij de weg. Dit om te voorkomen dat het een bende wordt. Ook handig is de Omrin Afvalapp. Heb je een smartphone? Installeer dan deze app. Je krijgt automatisch een berichtje wanneer welk afval opgehaald wordt. Dus ook voor de groene en grijze bak. Erg handig!

Wil een ieder hier rekening mee houden. Zo houden wij ons dorp schoon en netjes. Alvast bedankt. Doarpsbelang Hâld Faesje


Keatsferiening Easterein - Oprjochte yn 1904 Utnoeging foarjiersgearkomste KF Easterein op 23 maart 2016

Bêste minsken, Wy wolle jimme fan herte útnoegje foar de foarjiersgearkomste fan de Keatsferiening Easterein. Wy wolle it graach mei jimme ha oer it kommende keatsseizoen. De gearkomste sil barre op woansdei 23 maart 2016 om 20.00 oere yn De Skoalleseize. Wurklist: 1. Iepening 2. Meidielingen en ynkommen stikken 3. Oantekens fan de neijiersgearkomste op 11 novimber 2015 4. Finansjeel ferslach: -rekken 2015 -begrutting 2016 5. Ferslach kaskommisje en beneaming nij lid 6. Presintaasje jierferslach 2015 7. Skoft 8. Bestjoersferkiezing: Oftredend Hans Kooistra, jongereinkommisje Foardracht Fakatuere Tuskentiids ôfgeand Elske van der Meulen, databehear Foardracht Petra Jellema Foardracht fakatuere ponghâlder René Rijpma 9. Stikken KNKB-gearkomste op 31 maart 2016 10. Punten fan út it bestjoer, ûnder oare: -meidielingsen fan út de foarjiersgearkomste Federaasje Snits -ûntwikkelingen sportkompleks De Skoalleseize -ôfskied kommisjeleden -fakatueres: stân fan saken 11. Wedstriidaginda 2016 12. Huldiging 2e priiswinners Jong-Feinte Partij 2015 13. Omfreegjen 14. Sluting Graach oant sjen op 23 maart! KF Easterein


Freed 4 maart Sneon 5 maart

Doarpsaginda 19.00 -20.30 Tiid foar rêst yn de Martinitsjerke Konsert Wilhelmina mei Glenn van Looij

Moandei 7 maart Sneon 12 maart

Grofvuil 14.30 17.00 19.00

Âld papier SDS 1- NOK 1 Covos Dames 1 - DFS Covos Heren 1 - OPM Heerenveen Bandjûn Noflik, Fragment

Snein 13 maart 14 o/m 19 maart

Gospelkoar "Reach Out"; Martinitsjerke Sponsoraksje TV Smash

Freed 18 maart Sneon 19 maart

Útfiering Fuort mar los; Noflik Easterein Útfiering Fuort mar los; nei ôfrin muzyk Duo it takes two Útfiering ODI, sporthal Bluescruise Eastersnein mei All Stars Blues Band, Noflik Easterein Sneintejûnsjongen m.m.f Common Ladies út Harderwijk ; Martinitsjerke

Snein 20 maart

9.30

Moandei 21 maart woansdei 23 maart

20.00

Sneon 26 maart

10.00-15.00

Sneon 2 april

14.30 17.00 19.00

Snoeiôffal Foarjiersgearkomste KF Easterein yn de Skoalleseize ODI- Verkoopactie Jeugd sponsoractie Poiesz Scharnegoutum Iepeningstoernooi TV Smash SDS 1- Delfstrahuizen 1 Covos Heren 1 - AVC69 Covos Dames 1 - AVC69 Bandjûn Noflik, Alice Springs

Hawwe jo ek in aktiviteit foar de doarpsaginda? Stjoer in e-mail nei doarpskrante@easterein.nl


Laat er geen gras over groeien...

En kom voor al uw tuin- en parkmachines naar Bos. Of het nu gaat om een nieuwe grasmaaier, kettingzaag of hogedrukreiniger. Onze ervaren medewerkers helpen u de juiste machine te kiezen, nieuw of tweedehands. Na aanschaf kunt u dankzij onze ‘Parts Center’ rekenen op onze servicemonteurs voor vakkundig onderhoud.

deerd! n a r a g e g d ij lt A • de sterkste merken • deskundig advies • de beste service EASTEREIN / HARICH / SNEEK / TIJNJE |

149291-2-BOS-Adv-A5staand.indd 1

bosmech.nl

voor voor de de beste beste prestatie. prestatie. 01-04-14 13:46


Zwembad De Klomp wil je meemaken! Voor zwembad De Klomp zit er een nieuw seizoen aan te komen, een seizoen waarin De Klomp weer een uitgebreid aanbod op het gebied van zwemmen, recreatie en activiteiten biedt. Het zwembad gaat op zaterdag 23 april feestelijk open. De week daaraan voorafgaand is de voorverkoopweek waarin abonnementen en leskaarten kunnen worden besteld en met het personeel besproken. In De Klomp zal veel mee te maken zijn. Dat gaat niet vanzelf. De Klomp nodigt iedereen uit te komen meehelpen het seizoen tot een succes te maken, leuke ideeën en vrijwilligers zijn van harte welkom. Het team van zwemonderwijzers van de Klomp heeft een gedegen eigen zwemplan voor het ABCzwemmen gebaseerd op twee keer in de week een half uur zwemmen (dat is beter dan één keer een uur) in een buitenbad met golvend water en soms wat frisse omstandigheden. “Buiten zwemmen is beter zwemmen”. Fysieke weerstand en conditie varen er wel bij. In De Klomp is het “verboden voor rijtjes”, dat wil zeggen dat er geen kinderen op de kant staan wachten terwijl de zwemonderwijzer met één leerling bezig is. Er wordt groepsgewijs gewerkt. Het zwemplan voor het ABC zwemmen volgt de eisen van de NPZ-NRZ, dé erkende instantie op dit terrein in Nederland. Kinderen die aan deze eisen voldoen en alle drie diploma’s op zak hebben, kunnen goed zwemmen en zijn zwemveilig. De docenten van De Klomp streven ernaar kinderen in drie zomerseizoenen klaar te stomen voor het hele zwem ABC. Kinderen kunnen ook ’s winters zwemmen bij De Klomp in een binnenbad in Bolsward, dit is al drie jaar een succes en verkort de totale lesperiode. Ouders kunnen de vorderingen van hun kind volgen middels de Internet Zwemscore Module, een leerlingvolgsysteem waarover meer op de website van De Klomp staat. Naast het ABC zwemmen heeft De Klomp voor jeugd en volwassenen nog vele vormen van begeleide zwemactiviteiten. Voor de jeugd zijn er Zwemvaardigheidzwemmen, Snorkelen en Survivalzwemmen. En Waterpolo. De basisvaardigheden van deze stoere sport worden de kinderen door ervaren waterpoloërs bijgebracht; de reeks lessen wordt afgesloten met een toernooi. Voor volwassenen is er Trimzwemmen, Aqua Sportief en de


speciale Triathlontraining. Op dinsdag- en vrijdagochtend is het zwembad al om acht uur ’s ochtends open. Dan en op maandag-, woensdag- en vrijdagavond (20.00 – 20.45 uur) is er alle ruimte voor liefhebbers van banen zwemmen. Overigens is hiervoor ook altijd overdag een baan afgezet. De Activiteiten Commissie heeft voor komend seizoen weer een uitgebreid en leuk activiteitenprogramma bedacht. Daarin natuurlijk de jaarlijkse toppers Zwem4daagse, Ontbijtzwemmen, Waterspektakel en Schuimparty. Op de openingsdag staat er een springkussen voor de kleintjes klaar en wordt er een badeendjesrace gehouden. In samenwerking met de Buurtsportcoach Littenseradiel is er begin mei een sportweek, waar ook enkele sportverenigingen aan meewerken, en in augustus Timmerdorp met een nachtje kamperen op de zonneweide. In augustus ook weer een sportinstuif voor jong en oud. Naast deze activiteiten is er natuurlijk met de baden, de glijbanen, het nieuwe peuterbad, de speeltuin en de zonneweide sowieso al veel te beleven, mee te maken, in De Klomp. Om dit allemaal mogelijk te maken zijn veel helpende handen en creatieve geesten zeer gewenst. Als je ook het zwembad mee wilt helpen te maken ben je van harte welkom als vrijwilliger. De AC zou het leuk vinden om in de realisatie van de activiteiten wat hulp te hebben zodat de deelnemers, veelal de kinderen, er veel plezier aan beleven. Ook in de kiosk zijn enkele paren opgestroopte mouwen die van wanten weten (patat bakken) erg welkom. Voor het zwembad op 23 april weer open kan, moet er nog heel veel gebeuren: de komende weken wordt het zwembad klaar gemaakt voor het nieuwe seizoen. Op 11 en 12 maart zijn de NL Doet dagen, elk jaar gezellig in De Klomp en met groot resultaat. Op de website van NL Doet kun je je hiervoor opgeven. Maar het kan ook rechtstreeks bij het zwembad. Op de dagen zelf kun je ook gewoon komen. Een leuke klus kan het schilderen van de kleedhokken en gebouwen worden. De Klomp heeft Anke Nijdam (trochanke.nl) gevraagd een mooi kleurenplan te bedenken zodat het hele interieur met het nieuwe peuterbad en terras een fraai geheel vormt. Zo wordt het steeds mooier en leuker in De Klomp. Alles over het komende seizoen begin april in de infokrant bij de Op ‘e Skille en op de website van het zwembad, zwembaddeklomp.nl. In de infokrant het papieren inschrijfformulier om mee naar de kiosk te gaan in de voorverkoopweek en op de website de elektronische inschrijfformulieren


waarmee je je op je computer in kunt schrijven. Download ook de zwemapp van De Klomp om van alle actuele informatie op je mobiele telefoon op de hoogte te blijven. Maak het mee in De Klomp komend seizoen.

Wilhelmina nijs

Midwinterkonsert Sneintemiddei 7 febrewaris hiene we ús Midwinterkonsert yn de seal fan Noflik Easterein. Mei temperatueren boppe de 10 graden. Dus hast mear in foarjierskonsert. Us jeugdkorps, de Wilhelmini’s, diene der ek oan mei. Se binne yn septimber foarich jier útein setten en dit wie dan it earste echte optreden. Spannend fansels. Mar it klonk fantastysk. Wat kin sa’n groepke dat noch net iens sa lang oan’e gong is, al prachtige muzyk meitsje. Wilhelmina sels fermakke it publyk mei moaie populêre muzyk. Sa wie û. o. it nûmer “Mag ik dan bij jou” fan Claudia de Brey te hearren. Sneupskuorre Moandei 8 april wie ús jiergearkomste en dêr krigen we fan Folkje Visser in slúfke mei de opbringst fan it ferkochte guod út de Sneupskuorre. Der siet mar leafst € 500,- yn. In geweldich bedrach. Jelle en Folkje BEDANKT. Glenn van Looy Op 5 maart komt de wrâldferneamde Vlaamske eufoanium blazer Glenn van Looy nei Easterein. Hy hat al op in soad grutte poadia stien en kin straks Easterein ek yn dat rychje sette. Hy sil jûns as solist mei Wilhelmina optrede yn de Martinitsjerke. Moaie meloadyske muzyk, mar ek stikken wer ’t syn firtuositeit goed yn te hearren wêze sil. Foarôf is der middeis in masterclass foar eufoanium- en baritonblazers yn de seal fan Noflik Easterein. Dan sil Glenn les jaan oan kollegamuzikanten en fertelle oer it blazen op sa’n ynstrumint. Dêr kinne Eufonium- en tubablazer fan hiel Fryslân har foar opjaan. In unike kâns fansels. Oan dit hiel barren hinget in priiskaartsje wat net yn de begrutting fan Wilhelmina past. Mar wy ha dit as priis wûn op it konkoers yn Drachten wer’t


we yn april 2015 winner yn ús ôfdieling wurden binne.

Wy wolle jimme graach mei genietsje litte en jimme dêrom fan herte útnoegje dit grutte barren mei te meitsjen meitsjen. Dus oan’t sjen op 5 maart. In kaartsje kostet 5 euro. Kom net te let, want der is in soad flecht op ‘e koai. Groetnis, Korps Wilhelminawe yn april 2015 winner yn ús ôfdieling wurden binne.

landrover landrover en en 4 x4 specialist 4 x4 specialist

Sibadawei 1, 8734 HE Oosterend (Frsl.) Tel.: 0515 - 33 12 50 www.elephantoffroad.nl


Toaniel ferieniging 'FUORT MAR LOS' noeget jimme út foar de toanielútfiering " IN GEKKEHÛS YN’ T SIKEHÛS " De útfieringen binne op freed 18 maart om 19:00 oere en sneon 19 maart om 20:00 oere yn de toanielseal fan Restaurant Partycentrum Noflik Easterein. Werom jim dit neffens de spilers beslist net misse meie?  Omdat de minsken tige nijsgjirrich wêze moatte nei de meast beweechlike rol yn it stik, nammentlik dy fan Dhr.Cohen…..  Altyd benaud west foar in spuitsje? It wurdt der no fêst net better op!  Rêstich bekomme nei in operaasje……??  Ast dit sikehûs meimakke hast, bist fuort “genezen”  In razende suster??  Omdat laitsjen it bêste medisyn is!  Fan rút himmeljen oant kontsjes waskjen….wy draaie ús hân der net foar om….  Wat?? Jimme moatte jimme net sa drok meitsje oer dit sikehûs. Hjir bart ommers nea wat, sa lekker rêstich. Sa seit Frou Visser…..  In spuitsje mear as minder…..  Wa rint him de soallen ûnder de skuon wei??  Och leave help, dêr geane se wer! Do moast se ek kalm hâlde Ilona, oars giet it akút mis op de planken!


 Dit moatte jo sjen om leauwe te kinnen: Yn ien dei fan deasiik nei poepie better!  De pasjinten treffe it wol mei sa’n knappe dokter!  Hindrik hat in nij kofjesetapparaat, mar hjir kin Tjerk Okkema jo mear oer fertelle en miskien hat hy der ek noch wol in plaatsje fan. Werom jimme dit neffens it bestjoer beslist net misse meie?  Om de ynset en it entûsjasme fan de spilers en regisseur te bewûnderjen.  Om te sjen wat foar geweldich stik wurk en tiid ús frijwilligers der dit jier wer ynstutsen ha.  Je troch it sjen fan dit stik, oar jier miskien sels wolris mei dwaan wolle mei toaniel.  In jûn genietsje, hearlik laitsje en nei ôfrin fan it stik noch in macht feest mei muzyk fan 'It takes two', wa wol dat no misse?  Om't je der oars it hiele jier net oer mei prate kinne.  Omdat je te âld binne om op stap nei in band jûn yn 'e kroech en te jong binne om elk wykein op de bank te hingjen.  Omdat je kâns meitsje wolle op ien fan de pracht prizen fan de lotterij, mei tank oan ús stipers. Mei as haadpriis en weardebon fan Woonvaria Wommels fan mar leafst € 250,Koart sein, je bin in gekkehûs as je dizze jûn oan je foarby gean litte! De grote belangstelling en het medeleven tijdens zijn ziekte en na het overlijden van

                                     Abe Stegenga  

heeft ons goed gedaan, daarvoor onze hartelijke dank. A. Hartman-Kor kinderen- klein- en achter-kleinkinderen.


Noflik Easterein

Sibadawei 2, 8734 HE Easterein Telefoon: 0515 - 331290 - Restaurant-partycentrum -

Noflik Langwar

Buorren 31, 8525 EC Langwar Telefoon: 0513 - 499169


D! NIEUW IN FRIESLAN

elen? ent willen leren besp m ru st in n ee g aa gr ment of zou je s! Speel jij al een instrukschool Friesland aan het juiste adre e les op het instrument dat je ie rst uz ee M f de Dan ben je bij ten en speelt vana er ervaren muzikan luidstechniek. en ge fessionele en ze , bas of zelfs lichtJe krijgt les van pro gitaar, drums, zang rd, oa yb ke , no graag wilt leren. Pia

! n i e r e t s a E n i s e l r Nu moaiol GkerritgHiintgast avoor meer informesatlaien,d.nl Bel of uziekschoolfri m t@ ri er g / 8 7 5 1 06 184 2

lfriesland.nl o o h c s k e zi u .m w ww


Oan alle ynwenners fan Easterein, Sa’t jimme witte is der fan út doarpsbelang Hald Feasje yn 2014 in enerzjy koöperaasje oprjochte: Griene Enerzjy Koöperaasje Easterein. www.gekeeasterein.nl Wat wolle wij dêrmei? GEKE hat as doel it befoarderjen fan de leefberens en duorsumens yn Easterein. Mar hoe wurket dat dan? GEKE is ‘wederverkoper’ fan stroom en gas foar de NLD ( www.noordelijklokaalduurzaam.nl). Dit is in enerzjy leveransier dy’t oprjochte is troch alle koöperaasjes mei inoar út Fryslân, Grins en Drinte. NLD keapet stroom en gas regionaal yn en lit de opbringsten fia de koöperaasjes wer werom floeie nei de doarpen. De priis foar gas en elektrisiteit fan GEKE/NLD binne fergelykber mei oare grutte oanbieders lykas Nuon, Essent of EON. GEKE kriget as ‘wederverkoper’ in fergoeding fan +/-€ 75,-- per oansluting per jier. De helte fan dizze fergoeding wolle we brûke om de duorsumens te befoarderjen en de oare helte troch de ferieningen finansjeel te helpen om sa de leefberens te behâlden en te befoarderjen. Wat is it idee? Wy wolle yn gearwurking mei de ferieningen fan Easterein sa folle mooglik minsken oerstappe litte nei GEKE/NLD. Foar elke húshâlding dy't oerstapt kriget de feriening +/- € 37,50 per jier. Dus stappe der 10 leden/húshâldens oer dan ha jimme € 375,-- per jier foar de ferieniging fan jimme kar. It oerstappen giet tige maklik, jo kinne je oanmelde op www.noordelijklokaalduurzaam.nl. Wy tinke dat dit in prachtige manier is om oan ekstra sinten te kommen foar jimme klup. Dus meld jo oan op www.noordelijklokaalduurzaam.nl en jou it troch oan jo favorite klup of feriening en Geke makket elk jier +/- € 37,50 oer nei de feriening fan jo kar. Binne der fragen, as wolle jimme dat ien fan ús


lâns komt om dit fierder ta te ljochtsjen, nim dan kontakt op mei ien fan de bestjoersleden. Mei freonlike groetnis, Jan-Jetze Brouwer, 41630995 Gerrit Bergsma, 06-22649636 Johannes Dijkstra, 06-53291193 Grietje Bouma-Jukema, 06-23758603 Jehannes Santema, 06-2166947

DOCH IT FOAR DYN DOARP EN KLUP

• Badkamer & toilet - renovaties & tegelwerk • Kozijnen, Deuren & beglazing (kunstof & hout) • Gevelbekleding & dakgoten (kunstof & hout) • Dakwerk, dakkapellen & zonwering • Aanbouw, verbouw & timmerwerkzaamheden • Verkoop bouwmaterialen

06-46117123 • WWW.VDWERFBOUWSERVICE.NL

BOUWEN & V E R B O U W E N


jubilaris kaarten boeken

geboortekaartjes printen

kopiĂŤren

offset drukken vouwen

trouwkaarten digitaal drukken

offset drukken

vergaren

HET VERTROUWDE ADRES VOOR AL UW familieDRUKWERK Easterein Sibadawei 20

Heerenveen Komeet 4

Bolsward De Marne 108b

www.vandereems.nl

Profile for Silvia Hania

Doarpskrantsje Easterein maart 2016  

Doarpskrantsje Easterein maart 2016

Doarpskrantsje Easterein maart 2016  

Doarpskrantsje Easterein maart 2016

Advertisement