{' '} {' '}
Limited time offer
SAVE % on your upgrade.

Page 1

EASTEREIN, april 2016

DOARPSKRANTSJE


Couperus Hydrauliek uw specialist voor hydraulische systemen, aandrijftechniek en machinebouw. Kwaliteit staat bij ons voorop. Onze uitstekende dienstverlening, de persoonlijke aandacht voor elke klant en het meedenken in een oplossing in de technieken die afhankelijk zijn van oliedruk, zijn daarvoor het bewijs. Wij zijn dan ook snel in staat om op een vakkundige manier storingen te verhelpen, reparaties uit te voeren of nieuwe machines voor u te ontwikkelen. Wij leveren onder andere de aggregaten en machines voor bijvoorbeeld de kunststofindustrie, destructiebedrijven, papierverwerkende industrie, landbouw en de scheepvaart. Daarnaast bouwt Couperus Hydrauliek ook eigen machines. Zo hebben wij ervaring met het bouwen van: • Miniheistellingen • Plamuurpersen • Palenkrakers

• JPL-Persen • Krammenpersen • Kielklemmen

Door de steeds strenger wordende regelgeving omtrent veiligheid en milieu, leveren wij CE gekeurde systemen en machines. Dit geeft u dus de zekerheid dat u een goed product koopt bij een deskundige en betrouwbare leverancier.

Couperus Hydrauliek BV | Fabrykswei 9 | 8734 HV te Easterein info@couperushydrauliek.nl | T 0515-332288 | F 0515-331640


Kolofon Redaksje Anneke van Beem Yvonne van Beem Bauke de Boer Elisabeth Breeuwsma Amarins de Haan Nathalie Oliveiro

nรปmer

Foto foarkant Bauke de Boer Kopy doarpskrante doarpskrante@easterein.nl as by Amarins: foarbuorren 7 Kopy doarpswebsite info@easterein.nl Twitter @easterein_frl Facebook Fraach&oanbod&sa Advertinsje? nim dan kontakt op mei doarpskrante@easterein.nl Rekkennรปmer: NL70RABO0349501726 u.f.f. doarpskrante Printwurk Drukkerij Van der Eems

Kopy foar it folgende krantsje graach oanleverje foar tongersdei 21 april

4

2016


6

@defabriek058 facebook.com/defabriek058


Doarpsaginda Sneon 2 april

14.30 17.00 19.00

SDS 1 - Delfstrahûzen Covos H1 - AVC HS1 Covos D1 - AVC DS1

22.00

20.00

Bandjûn Noflik Easterein, Alice Springs Springblues special, Noflik Easterein Sûkerbôleaksje Foljebalferiening Covos Learlingen De Foareker frij ifm studzjedei personiel Âld papier Kollekte: Fonds Gehanicaptensport Teater: Kredyt yn Noflik Easterein

Sneon 16 april

17.00 19.00

Covos D1 - Swetteswitters D1 Covos H1 - VC Bolsward H1

Woansdei 20 april

19.30 20.00

Jiergearkomst ODI, kantine sporthal Ledengearkomst Fuort mar los, Noflik Easterein SDS1 - Joure SC1 Bluescruise, Eastersnein Kollekte: Nationaal Fonds Kinderhulp Survivaltocht; Oranje & Heitelân Keningsdei: ferskate aktiviteiten SDS - QVC Bandjûn Noflik Easterein, Melrose

Snein 3 april 4 en 5 april

16.00

Tongersdei 7 april Sneon 9 april 11 o/m 16 april Woansdei 13 april

Sneon 23 april 14.30 Snein 24 april 16.00 24 o.m 30 april en 8 o.m 14 maaie Woansdei 26 april Tongersdei 27 april Sneon 30 april 14.30 22.00 2,3 en 4 maaie Tongersdei 5 maaie

Keatskamp KF Easterein, Witteveen & Brouwer partij Moandei 9 maaie 14.30 -16.00 ODI - valpreventie door fysiotherapeute in sporthal Hawwe jo ek in aktiviteit foar de doarpsaginda? Stjoer in e-mail nei doarpskrante@easterein.nl


De âlde doaze Sjogge jo wa’t dit binne? Antwurd fierderop yn’t boekje

verbeter- en procesmanagement doeltreffend en pragmatisch www.fakwurk.nl


geke

GRIENE ENERZJY

kOÖPERAASJE eASTEREIN

Doch it foar dyn doarp! Stap oer: Sjoch op: www.geke-easterein.nl

Openingstijden: Woensdag, donderdag en vrijdag tot 20.00 uur geopend.

Dinsdag:

8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur Woensdag 8.30 - 13.00 uur Donderdag 8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur Vrijdag: 8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur 19.00 - 21.00 uur

Deze cad vanaf nu kunt u ook online reserveren. Woensdagavond van 17.00 - 20.00 uur knippen zonder afspraak.

Bruidskapsels en verdere behandelingen op afspraak. U kunt hier ook terecht voor uw ORIFLAME PRODUCTEN.

HOTTINGAWEI 4 8771 ST Nijland. Telefoon: 0515 - 569099

Wilma.indd 1

23-05-14 21:35

0515 - 333873 Terp 27 Wommels www.metzstyle.nl


kapsalon

’t Kniplokaeltsje

Skilplein 1 8734 GW Easterein Tel.: 0515 - 33 23 20

Oant sjen!

Op freed fan 18.00 - 20.00 oere sûnder ôfspraak!

visite-afspr.kaartje.indd 1

Skilplein 1 8734 GW Easterein T (0515) 33 23 20

05-12-2013 11:04:34

Oant sjen!


Wy hâlde op mei de Sneupskuorre.

Dêrom wolle we noch ien kear ferkeap hâlde op Keningsdei 27 april o.s. fan 9.00 oant 12.00

Wy wolle eltsenien betanke dy’t yn dizze jierren guod ynbrocht hat en ek dy’t guod kocht ha. Mei it jild ha wy ferskillende ferienings bliid meitsje kinnen. Jelle Brouwer en Folkje Visser Tel. 332269


In tige slagge toaniel foarstelling! Sa'n 250 minsken hawwe de foarstelling "In gekkehûs yn' t sikehûs" sjoen. Oan de reaksjes te hearren wie it tige slagge. Ek de spilers ha dit jier wer genoaten fan it spyljen en de reaksjes fan it publyk. Wy wolle eltsenien tank sizze dy’t holpen hat yn hokker foarm dan ek! Tige tank en oant it oare jier.

De foarstelling waard mei mooglik makke troch: Drukkerij van der Eems Noflik Easterein Gebr. Vellinga int. Mechanisatiebedriuw BOS Handelsonderneming Altac Couperus Hydrauliek Handelsonderneming H.Stoffelsma Autobedrijf Witteveen & Brouwer 't Kniplokaeltsje Sporthal de Greidhoeke Posthuma Skildersbedriuw Willy Sijbesma fotografie Tuincentrum Gaardenier DA Fizel Drogisterij Kapsalon de Freule Skylk communicatiebureau Joustra-Branje

Woonvaria Wommels Installatiebedrijf De Jong Elephant off Road EQ Sandstra Mesthandel, Transport & Stalling Jumbo Supermarkten Bakkerij Posthuma Murk's Slagerij It Reade Hynder Wheagan Multicarservice Leanbedriuw Okkema Warenhuis Van der Velde Metzstyle Kapsalon en visagie Attie's Mode en Schoenen V.d. Werf Bouwservice Fakwurk bureau voor training en advies Libertas Technical Solutions

Foar yn de aginda: ledegearkomste tongersdei 20 april om 20.00 oere by Noflik Easterein.


Snypsnaren

troch Jan Hiemstra Oer minsken en mûzen Sawol minsken as mûzen binne soms ien grutte aprilgrap. Se dogge dingen der ’t letter smaaklik om lake wurde kin. De grappen der ’t ik it no oer ha wol fûnen plak by ús korps Wilhelmina. Meastal wiene de minsken de oarsaak, mar ien kear de mûzen. De dirigint De dirigint om 1950 hinne wie Sierd de Boer fan Hylpen. Hy wie in ‘topper’ en hie foar de oarloch Wilhelmina, doe in bêst korps, al dirigearre. Fanút syn wenplak Hylpen moast er earst mei de ZWH-bus nei Bolswert, dêrwei mei de LAB nei Wommels en dan oerstappe (of rinne) nei Easterein. Earst kamen de learlingen oan bar en dêrnei folge de repetysje. Jûns moast de man wer nei Hylpen. Fan Wommels nei Bolswert en fan Bolswert nei Hylpen ried de bus noch wol, mar fan Easterein nei Wommels? Op it korps sieten in pear grouwe jongkeardels sa as Pieter Baukes (de Jong) en Jan Yeps (Kamstra). Sy wisten ried. Wy bringe De Boer efter op ‘e pakjedrager fan de fyts nei Wommels. En dat barde. Mar jongkeardels binne altyd yn foar in fyt (= grap). As wy no yn pleats fan de Griene Leane ris om it tsjerkhôf geane en dan flink hurd in pear rûntsjes mei De Boer ‘achterop’ dêr omhinne fytse! En sa barde it. Mar der ’t se net op rekkene hiene wie dat De Boer net allinne bang wie om efterop te sitten, mar ek noch allegearre geasten fan efter de grêfstiennen weikommen seach. De man waard deabenaud, âle as in bolle, mar doarst net fan de fyts te springen. De jongkeardels skuorden harren de bûsen út. Se ha de grap mar nea wer úthelle. De muzikant (1) De jonge Rouke, de soan fan de âlde Rouke de Jager, de slachter oan de Lytse Leane (Foarbuorren) wie trompetblazer, mar hy oefene net al te faak. As blazers te min oefenje ha se gjin lipspanning. In remeedzje om sûnder te blazen lipspanning te krijen wie neffens de ‘kenners’ in soad tútsje, mar dat die Rouke doe noch net. Dy lipspanning, op syn Frâns ‘embouchure’, krigen je troch te oefenjen. Mar, al wer neffens de ‘kenners’, wie der ek in oare remeedzje: in pear drippen ‘ammesuer’ op de lippen. As der wat yn Easterein net te krijen wie krige frachtrider Sjuk Sandstra de opdracht it út Snits mei te nimmen. Foar in frachtrider wie neat te gek. In fleske ‘ammesuer’ waard de bestelling der ‘t Sjuk mei nei drogist Hofsteede teach. Net in minske yn de drogisterij begriep wat dit wie en sa kaam Sjuk mei neat werom en moast


hy Rouke teloarstelle. Jo begripe wol dat dit ferhaal jierrenlang trochferteld is. De muzikant (2) De masinist fan it bûterfabryk die faaks in putsje (= karweitje) foar it korps, sa as it soldearjen fan ynstruminten. Dy ynstruminten wiene nochal âld en gebrekkich, faaks fan foar de Twadde Wrâldoarloch. Waard sa ’n ynstrumint lek moast der wat oan dien wurde. Earst moast it plak fan it lek fêststeld wurde en dan wie in methoade om sigarettereek troch de hoarn blazen. Der ‘t de reek nei bûten kaam siet it lek. En dan nei de masinist om it lek te soldearjen. Lekken kamen faaks op in ûngelegen momint. Dat ûntduts altblazer Edvard Kornelis ek. Op Himelfeartsdei soe der yn Easterein in festival hâlden wurde. De grutte publykstrekker wie it korps Hallelujah fan Makkum. Earst in mars troch it doarp mei de drumband foarop en dêrnei in konsert. Foar it optreden fan Makkum spilen ferskate korpsen op de tinte. Dêr moast de deis fan te foaren noch foar repetearre wurde. Mar och heden, de alt wie lek. Op it fabryk waard it probleem oplost. De oare deis doe ’t Edvard syn saakjes thús klearmakke en efkes ynblaasde kaam hy derefter dat it by it soldearsel noch lekte en wat moatte je dan. Gelokkich wie der roggebrea yn ‘e hûs en kreatyf as Edvard wie: der waard in stik kliemsk roggebrea oer it lek plakt. It probleem wie wer oplost! Mar …. ûnder it optreden rekke it stik brea los. Yn it beoardielingsrapport waard melding makke fan in tige min stimmende altpartij! Sneintemiddeis Der waard net allinne sneintemoarns, mar ek sneintemiddeis yn beide tsjerken preke. Bern fan herfoarme âldelju hoegden middeis net nei tsjerke en dat jilde ek foar Bernlef Kornelis en my. Bernlef syn heit, master Kornelis, moast der natuerlik wol hinne, want hy wie de oargelist. Neffens de ferhalen hiene de tsjerkegongers faaks muoite om nei it waarmiten harren slûgens te ûnderdrukken. Doe ’t de preek goed en wol begûn wie seagen Bernlef en ik inoar foar it sliepkeamerrút stean, want wy wennen tsjinoer inoar. Bernlef hie de trompet yn ‘e hannen en ik wie wat op in fentyltromboane oan it griemen. ‘Wy moatte mar efkes in marske blaze’ en dêr gong it los fanút de sliepkeamers mei de ruten wiid iepen. Ferskuorrend lûd. It davere troch hiel it doarp, mar wie benammen ûnder de preek fan ds De Bruin goed te hearren. Elkenien yn tsjerke wie wer klear wekker. De oare deis moasten Bernlef en ik by master Kornelis op it matsje komme. It die bliken dat er de humor fan ús aksje ynseach, mar ‘jonges, dit moat net wer gebeure’.


Mûzen Nei de brike setten fan de minsken komme no de mûzen. De muzyk dy ’t net brûkt waard, wie opslein yn in kast yn it repetysje lokaal. In pear kear is de Ald Skoalle ferboud. Earst ta Us Gebou en letter as Us Gebou. Wilhelmina moast dan op in oar plak repetearje en foar de muzyk moast in plakje socht wurde. Op de souder, yn in plestik pûde, yn it hok fan Jan Yeps (Kamstra) soe it grif droech en feilich bewarre bliuwe! Der sieten hiele âlde stikken by fan noch foar de Twadde Wrâldoarloch. Doe ’t nei de ferbouwing de muzyk wer werom yn de kast moast, die bliken dat de muzyk wol droech, mar net feilich bewarre wie. Der kaam út de plestik pûde in folksstam mûzen dy ’t yn en fan de al jierren goed bewarre muzyk harren wenromte makke hiene. Foar de mûzen in allergaadlikst plakje om te nesteljen en soks levere yn de snippers in protte mûskes op.

Woonwinkel , A&M Lifestyle voor een leuk kadootje , brocante of voor een aanvulling op uw servies, bv., Emma Bridgewater of Burleigh servies, maar ook voor jams , chutneys of thee ook verkopen wij wenskaarten en ook nog postzegels, Kom gerust een keertje langs, kijk op de website, of like ons op facebook,

open woensdag t/m zaterdag middag, ‘s zomers ook dinsdagmiddag open. tel. 0515-332279, www.amlifestyle.nl, AenMv2.indd 1

28-03-14 20:05


NIEUWE CV-KETEL NODIG?

NIEUWE CV-KETEL NODIG?

Er kan er maar één de beste zijn. Al 7 jaar! Er kan er maar één de beste zijn. Al 7 jaar!

Een ATAG cv-ketel zorgt voor een warm huis en royaal warm Een ATAG cv-ketel zorgt voor een warm huis en royaal warm

water. Dankzij betrouwbare techniek hoogste rendement. Er kan er maar één en dehetbeste zijn. Al 7 water. Dankzij betrouwbare techniek en het hoogste rendement.

jaar!

Een ATAG cv-ketel zorgt voor een warm huis en royaal warm

Nu bij water. ons ook verkrijgbaar de slimme WiFirendement. thermostaat Dankzij betrouwbaremet techniek en het hoogste Nu bij ons ook verkrijgbaar met de slimme WiFi thermostaat

ATAG One!

ATAG One

ATAG One!

ATAG One

Nu bij ons ook verkrijgbaar met de slimme WiFi thermostaat

ATAG One! Er kan er maar één de beste zijn. ATAG Al One 7 jaar!

AA+ Een ATAG cv-ketel zorgt voor een warm huis en royaal warm A+ A A XXL XXLtechniek en het hoogste rendement. water. Dankzij betrouwbare +

XXL

A

Er is is al een Er een ATAG ATAGcv-ketel cv-ketelvanaf: vanaf: Er is al een ATAG cv-ketel vanaf:

€ 2050,2050,€ 2050,-

Nu bij ons ook verkrijgbaar met de slimme WiFi thermostaat ATAG One!

×

×

ATAG E325EC + One

A

+

ATAG E325EC + One

ATAG E325EC + One

XXL

ATAG One

×

incl. installatie! incl. installatie! incl. installatie! * Vraag naar de voorwaarden

* Vraag naar de voorwaarden

* Vraag naar de voorwaarden

A

Er is al een ATAG cv-ketel vanaf:

€DE2050,JONG

INSTALLATIEBEDRIJF INSTALLATIEBEDRIJF

INSTALLATIEBEDRIJF

incl. installatie! DE JONG Fabrykswei 7 • 8734 HV Easterein

JONG Telefoon 0515 -331512 • Fax - 331716 Fabrykswei 7 •DE 8734 HV0515 Easterein

ATAG E325EC + One

×

* Vraag naar de voorwaarden

E-mail info@dejonginstallatiebedrijf.nl Telefoon 0515 -331512 - 331716 Fabrykswei 7 • 8734• Fax HV 0515 Easterein E-mail info@dejonginstallatiebedrijf.nl Telefoon 0515 -331512 • Fax 0515 - 331716

E-mail info@dejonginstallatiebedrijf.nl

INSTALLATIEBEDRIJF


It sneonsfamke

Troch Nathalie Oliveiro Eltsenien sjocht op de ien of oare wize út nei sneon. Oan it begjin fan 'e wike leit de fokus op woansdei. At it dan tongersdei is, kinne we it allinnich mar fol hâlde om't we witte dat it de folgjende dei freed is. En dan is it einlings sa fier: wykein! Sa'n wike trochkomme liket hast wol op it ûntsnappe út in Escape Room. By dizze nije trend moast mei dyn team, freonen as kollega's, besykje om oan de hân fan alderhande oanwizings in keamer út te kommen. Mei op 'e nij terroristyske oanslaggen soene we hast ús Escape Room, ús feilige bobbel net útkomme wolle. Brussel is net sa'n hiel ein fuort en ik tink dan efkes werom oan ferline jier doe't ik troch dy drokke wrâldstêd richting Spanje fytste. Hoe is soks mooglik? Ferskriklike, ûnbegryplike dingen dy't om ús hinne barre, kinne der foar soarchje dat we tichtklappe. Mar, dyn feilige bobbel net útgean, is net per definysje ferkeard. De ingelske skriuwster Virginia Woolf hie it yn 1929 oer in room of one's own, letterlik fertaald: 'eigen keamer'. Dit kin symboal stean foar in eigen romte, letterlik as figuerlik, dêr'tst dy yn ontwikkelje

kinst. Efkes ûntkomme út de drokte en tiid kreëarje foar dysels. Net egoïstysk wêze, mar dysels gewoan in soad positive dingen gunne. Bygelyks dyn talint ûntwikkelje, lykas Johan Cruijff dat die op it fuotbalfjild. Dát wie foar him syn 'eigen keamer'. Hjoed is it sneon. Aanst gesellich brea-ite mei myn neefke en nichtsje. Dan tiid foar pianoles. Dernei dûnsje en at it efkes slagget in nij ferske leare. Wat kin in minsk genietsje. Ja, hjoed is myn dei, myn 'eigen keamer'. Ientsje mei grinzen fan blommenslingers. Want ik, ik bin it sneonsfamke.


Noflik Easterein

Sibadawei 2, 8734 HE Easterein Telefoon: 0515 - 331290 - Restaurant-partycentrum -

Noflik Langwar

Buorren 31, 8525 EC Langwar Telefoon: 0513 - 499169


Laat er geen gras over groeien...

En kom voor al uw tuin- en parkmachines naar Bos. Of het nu gaat om een nieuwe grasmaaier, kettingzaag of hogedrukreiniger. Onze ervaren medewerkers helpen u de juiste machine te kiezen, nieuw of tweedehands. Na aanschaf kunt u dankzij onze ‘Parts Center’ rekenen op onze servicemonteurs voor vakkundig onderhoud.

deerd! n a r a g e g d ij lt A • de sterkste merken • deskundig advies • de beste service EASTEREIN / HARICH / SNEEK / TIJNJE |

149291-2-BOS-Adv-A5staand.indd 1

bosmech.nl

voor voor de de beste beste prestatie. prestatie. 01-04-14 13:46


“Beste minsken, betanke foar it oerweldigjende meilibjen dat ik krige ha nei myn operaasje yn it sikehûs. Betanke foar alle kaarten, blommen, fruit en allerhande oare attensjes. Foar al dy besoekjes en tillefoantsjes wol ik jim betankje. It wie om stil fan te wurden. Mei groetnis Anne en Anneke Elgersma

PASSAGE EASTEREIN Woensdag 13 april om 19.45 uur in de Skoalleseize te Easterein.   De Hr. Meirink uit Wijnaldum komt ons vertellen over  zijn werk in Rusland en Siberie, waar hij de landbouwers begeleid. Met  name over het sociale leven van de ouderen  in de dorpsgemeenschap, wanneer zij op hogere leeftijd komen, over hun geloof en de beleving hiervan.   Iedereen die hier meer van wil weten is van harte welkom.  Tot ziens op 13 april                     Het Bestuur

Oplossing âlde doaze: Hille en Tineke Meijer

Sjoch ek ris op www.easterein.nl


Bêste Eastereiners, Sûnt 27 febrewaris wenje ik net mear yn Easterein, mar bin ik nei Uttert ferhuze. Hjir folgje ik de Master of Music oan it konservatoarium. Al doe ik in lyts famke wie, die it al gau bliken dat myn hert yn en by de muzyk leit. Ik gie dan mei ús mem mei nei konserten fan it korps. Ik wit noch dat ik yn it publyk siet, de sopraansaks seach en tocht; dy wol ik ek hawwe! Ik wie gelyk fereale op de klank en hoe it ynstrumint der út seach. En sa is it begûn. Nei it poche en blaze aventoer kaam ik by it grutte korps wêr ik prachtige jierren hân haw. Yn dizze tiid haw ik in protte leard, mar ek in soad wille hân. Gesellichheid, stúdzjewykein, de konserten en konkoersen, it WMC, dat is foar my Wilhelmina. It korps hat my leard te genietsjen fan muzyk en dat it in grutte ferbinende rol hat. En dat hat der foar soarge dat ik nei it konservatoarium woe. Neidat ik myn bachelor diploma yn Grins helle ha, krige ik in baan as muzykdosint (wat ik noch hieltyd doch) yn Snits en st. Anne en spylje ik yn it SAKS saksofoankwartet en mei ik sa no en dan meispylje mei de Johan Willem Friso kapel te Assen en it Noord Nederlands orkest. Mar ik woe mear, fierder yn de muzyk en sa kaam it beslút om dochs noch myn master te heljen. En no is it tiid om myn hoarizon te ferbreden en no mar sjen wat it my fierder bringt! Foarlopich bin ik noch faaks yn Easterein te finen, dan koes ik by ús heit en mem, omdat ik yn Fryslân les jou. En sa no en ta sil ik Wilhelmina ek noch wolris helpe. In waarm hert draach ik fansels oan Wilhelmina ta, myn leave freondinnen wêrmei ik in machtige tiid oan de Foarbuorren hân ha, mar ek oan it doarp en de tsjerke. We komme inoar fêst noch wolris tsjin. Hertlike groetnis fan, Miriam Stoffelsma Jeremiestraat 18 bis 3511 TW Utrecht


--HERHAALDE OPROEP— Jûns foar Keningsdei spektakulaire survivaltocht troch Easterein Op tiisdeitejûn 26 april organisearje wy in hiel utdaagjende survivaltocht troch de buorren. Mei gebruk fan de eleminten yn it lanskip, geskikt foar de sportive en aktive Eastereiner. Oerwin dysels en doch mei. Der kinne maksimaal 75 dielnimmers meidwaan. Hast dy noch net oanmelden? Jou dy dan gau op fia info@oranjeenheitelan.nl Wannear: tiisdei 26 april 2016 Tiidstip: fanôf 18.30 oere by de Skoalleseize Meidwaan: fanôf 12 jier Ynlis: € 3,- per persoan It is foar elkenien dy’t fan de basisskoalle ôf is én foar folwoeksenen. Foar mear ynformaasje hâld ek Easterein.nl en ús Facebook goed yn de gaten !!! Mar wachtsje net mei opjaan, want fol = fol. Foar de skoalbern fan de Foareker is der op Keningsdei fan alles te dwaan. Dy ynformaasje ha jim krigen fia skoalle. Groetnis, Oranjeferiening Oranje & Heitelân

O

ra

nje

e n H e it el

ân


troch Nathalie Oliveiro


Nieuws van gymvereniging O.D.I. Easterein. In de voorjaarsvakantie was er de sport- en spelinstuif in de sporthal. De jeugd kon hierbij ook kennismaken met onze gymvereniging. Het was een druk bezochte ochtend. Zeer geslaagd ! Op zaterdag 19 maart j.l. hebben we onze jaarlijkse gymuitvoering gehad. De jeugd en de damesgroep hebben ons laten zien waar zij de afgelopen tijd hard op hebben geoefend. Het was een mooie ochtend met veel publiek. Met hulp van juf Ellen en stagiaire Mirjam Punter konden we genieten van kleurrijke optredens. Het thema was tijd. En daar kun je natuurlijk alle kanten mee op ! Tijd om op te staan, tijd voor een feestje, tijd om te sporten en uiteindelijk is het weer tijd om afscheid te nemen. Onder leiding van onze voorzitster Wybrich als moedertje tijd was het al met al een geslaagde ochtend. We denken dat alle ouders, pakes en beppes, ooms en tantes en andere familieleden een mooi beeld hebben gekregen van wat er zoal gebeurd op de maandagmiddag tijdens de gymlessen. Verder staat er nog het volgende op de planning: De jaarlijkse ledenvergadering is dit jaar op woensdag 20 april om 19.30 uur in de kantine van sporthal de Greidhoeke. Op maandagmiddag 9 mei van 14.30 uur tot 16.00 uur zal er een les in valpreventie worden georganiseerd. Dit is onder leiding van fysiotherapeute Romy Bos. Iedereen is van harte welkom, dus ook niet-leden. Deelname is gratis. Na afloop is er


kleurrijke optredens. Het thema was tijd. En daar kun je natuurlijk alle kanten mee op ! Tijd om op te staan, tijd voor een feestje, tijd om te sporten en uiteindelijk is het weer tijd om afscheid te nemen. Onder leiding van onze voorzitster Wybrich als moedertje tijd was het al met al een geslaagde ochtend. We denken dat alle ouders, pakes en beppes, ooms en tantes en andere familieleden een mooi beeld hebben gekregen van wat er zoal gebeurd op de maandagmiddag tijdens de gymlessen. Verder staat er nog het volgende op de planning: De jaarlijkse ledenvergadering is dit jaar op woensdag 20 april om 19.30 uur in de kantine van sporthal de Greidhoeke. Op maandagmiddag 9 mei van 14.30 uur tot 16.00 uur zal er een les in valpreventie worden georganiseerd. Dit is onder leiding van fysiotherapeute Romy Bos. Iedereen is van harte welkom, dus ook niet-leden. Deelname is gratis. Na afloop is er een gezellige nazit, consumpties zijn voor eigen rekening. Komt allen ! En dan staat natuurlijk nog onze jaarlijkse sĂştelaksje op het programma. Maar hierover volgt later meer. Groeten van het bestuur, Wybrich Ynema (voorzitter) Geertje van der Weerdt (secretaris) Annebeth de Jong (penningmeester)

0515-332132 0515-332387 0515-331343 Hannah van Krimpen (kleding, alg. zaken) 0515-333504 Aurelia Koopman (algemene zaken) 06-48777809

https://www.facebook.com/ODIEasterein


geke

GRIENE ENERZJY

kOÖPERAASJE eASTEREIN

Duorsume enerzjy foar it doarp!

50% fan de fergoeding dy’t GEKE kriget giet nei in feriening yn it doarp nei jo eigen kar 50% giet nei duorsume doelen yn Easterein

Doch it foar dyn doarp! Stap oer: Sjoch op: www.geke-easterein.nl


Posthuma Skilderbedriuw Underhâldsskilderwurk oan jimme hûs. Kleuradfys en kleurûndersyk. Behang en Skilderwurk. Restauraasje en imitaasje wurk. (hout en marmerimitaasje) Isolaasje fan besteande ramen mei dûbel glês of foarsetrúten op in uniek wize.

Foar in frijbliuwende priisopjefte Skilje 0515 - 33 13 13. POSTHUMA SKILDERS EASTEREIN

VAN KRIMPEN autoschadeservice

• AUTOSCHADE HERSTEL • OLDTIMER RESTAURATIE • TUNING Autoschade Service van Krimpen Industriepark 2 8701 PN Bolsward

• SPOT REPAIR • RESTYLEN

0515-336585 06-18639018

www.autoschadevankrimpen.nl


Wilhelmina nijs Sneon 5 maart hiene we de masterclass mei de Vlaamske eufoanium blazer Glenn van Looy, middeis yn seal Noflik wiene 15 eufoaniumblazers die’t rûmom út Fryslân kamen, present om de Masterclass fan Glenn fan Looy bij te wenjen, in learsame en prachtige middei, dêrnei mei it gehele korps efkes oefenje yn tsjerke, om ferfolgens gesellich mei elkoar te ite yn Noflik, wer’t in hearlik pastabuffet foar ús klearstie, Juns om 20.00 setten we útein mei it konsert yn tsjerke, it korps spile allinich mar ek in oantal stikken yn gearwurking mei de solist Glenn van Looy, ek lieten de deilnimmers fan de Masterclass muziek hearre wat se middeis leart hiene, in prachtige jûn. No op nei it ONFK konkoers yn Drachten op 9 april, sjen at it wer in grut succes wurdt liikas foarig jier, der moat natuurlik nog wol in soad oefene wurde, sa ha we in studiedei op sneon 2 april, en snein 3 april is der in Try-out konsert middeis yn Joure, wer’t mearder korpsen oan mei dogge die’t ek spielje op it ONFK. Fjierders ha we in konsert op sneintejûn 22 maaie yn de Martinitsjerke mei Balt de Vries. Groetnis, Korps Wilhelmina

landrover landrover en en 4 4 x4 x4 specialist specialist

Sibadawei 1, 8734 HE Oosterend (Frsl.) Tel.: 0515 - 33 12 50 www.elephantoffroad.nl


D! NIEUW IN FRIESLAN

elen? ent willen leren besp m ru st in n ee g aa gr ment of zou je s! Speel jij al een instrukschool Friesland aan het juiste adre e les op het instrument dat je ie rst uz ee M f de Dan ben je bij ten en speelt vana er ervaren muzikan luidstechniek. en ge fessionele en ze , bas of zelfs lichtJe krijgt les van pro gitaar, drums, zang rd, oa yb ke , no graag wilt leren. Pia

! n i e r e t s a E n i s e l r Nu moaiol GkerritgHiintgast avoor meer informesatlaien,d.nl Bel of uziekschoolfri m t@ ri er g / 8 7 5 1 06 184 2

lfriesland.nl o o h c s k e zi u .m w ww


Earste Ljipaaien Bote Jellema hat freedtemiddei (25-3-2016) om 14.45 yn syn neisoarchgebied, it lân fan Hilhorst, dan dochs it 1ste ljipaaike fan de fûgelwacht Easterein fûn.  It 1ste aaike fan Easterein wie noch net fûn. Ofrûne moandei kaam der in ein oan it yn kompetysjeferbân sykje nei de 1ste aaien omdat de Faunabescherming bij de RVO ofdwongen hie dit te ferbieden. Rutger Sybesma hat sneintemoarn (27-32016) yn de jeugdkrite fan de fûgelwacht Easterein it 1ste ljipaai fan de jeugd en dérmei fan de basisskoalle de Foareker fûn. It bestjoer fan de fûgelwacht en master Hingst sille kommende wike efkes nei de basisskoalle ta om hjir oandacht oan te besteden.

Bron: www.easterein.nl

• Badkamer & toilet - renovaties & tegelwerk • Kozijnen, Deuren & beglazing (kunstof & hout) • Gevelbekleding & dakgoten (kunstof & hout) • Dakwerk, dakkapellen & zonwering • Aanbouw, verbouw & timmerwerkzaamheden • Verkoop bouwmaterialen

06-46117123 • WWW.VDWERFBOUWSERVICE.NL

BOUWEN & V E R B O U W E N


drive

We trekken graag een sprintje om aan uw wensen te voldoen. Uw drukwerk regelen wij vol kracht en overgave. Wij gaan ervoor en hebben er plezier in. Dat is onze kracht. Enthousiasme voedt ons bloed. Van begin tot eind werkt ons team van bevlogen, betrokken toppers aan uw product. Het eindresultaat telt, maar ook de weg ernaar toe. Prestatie vloeit voort uit passie, gedrevenheid en betrokkenheid. Wij denken graag met u mee, want samen komen we verder. Welkom bij Van der Eems.

VANDEREEMS.NL EASTEREIN / HEERENVEEN / BOLSWARD

Profile for Silvia Hania

Doarpskrantsje Easterein april 2016  

Doarpskrantsje Easterein april 2016

Doarpskrantsje Easterein april 2016  

Doarpskrantsje Easterein april 2016

Advertisement