Page 1

EASTEREIN, febrewaris 2015

DOARPSKRANTSJE


Couperus Hydrauliek uw specialist voor hydraulische systemen, aandrijftechniek en machinebouw. Kwaliteit staat bij ons voorop. Onze uitstekende dienstverlening, de persoonlijke aandacht voor elke klant en het meedenken in een oplossing in de technieken die afhankelijk zijn van oliedruk, zijn daarvoor het bewijs. Wij zijn dan ook snel in staat om op een vakkundige manier storingen te verhelpen, reparaties uit te voeren of nieuwe machines voor u te ontwikkelen. Wij leveren onder andere de aggregaten en machines voor bijvoorbeeld de kunststofindustrie, destructiebedrijven, papierverwerkende industrie, landbouw en de scheepvaart. Daarnaast bouwt Couperus Hydrauliek ook eigen machines. Zo hebben wij ervaring met het bouwen van: • Miniheistellingen • Plamuurpersen • Palenkrakers

• JPL-Persen • Krammenpersen • Kielklemmen

Door de steeds strenger wordende regelgeving omtrent veiligheid en milieu, leveren wij CE gekeurde systemen en machines. Dit geeft u dus de zekerheid dat u een goed product koopt bij een deskundige en betrouwbare leverancier.

Couperus Hydrauliek BV | Fabrykswei 9 | 8734 HV te Easterein info@couperushydrauliek.nl | T 0515-332288 | F 0515-331640


Kolofon febrewaris 2015 Redaksje Anneke van Beem Yvonne van Beem Bauke de Boer Elisabeth Breeuwsma Amarins de Haan Nathalie Oliveiro Foto foarkant: Sandra Wolf Kopy doarpskrante doarpskrante@easterein.nl as by Amarins: foarbuorren 7 Kopy doarpswebsite info@easterein.nl

Tige, tige tank! foar de grutte stipe út it doarp foar it meitsjen fan it doarpskrantsje. Troch dizze bydrage is de begrutting foar 2015 sa goed as slútend Wy binne hjir tige bliid mei en it is dan ek in grutte stimulâns om troch te gean om ek yn 2015 leuke, nijsgjirrige en "foareltsenien- wat stikjes" te skriuwen. Haw je noch in tip/leuk idee foar in stikje lit it ús witte!

Twitter @easterein_frl Facebook Fraach&oanbod&sa Advertinsje? nim dan kontakt op mei doarpskrante@easterein.nl Rekkennûmer: NL70RABO0349501726 u.f.f. doarpskrante Printwurk Drukkerij Van der Eems

Kopy foar it folgende krantsje graach oanleverje foar: tongersdei 26 febrewaris


6

@defabriek058 facebook.com/defabriek058


Aldjiersploech Troch Anneke van Beem Der wie in soad media oandacht foar de stunt fan de âldjiersploech. It logo hat der amper stoen, mar wat wienen de mannen grutsk. It logo is op âldjiersdei ûnder polysje begelieding ophelle. Wat tige spitich wie. It logo is ophelle út ljouwer en stoen doe goed fest mei kettingen, dizze ha de mannen stikken knippe moatten en die ha se letter wer laske. Dus koe dat moai mei it logo werom nei de eigner. Fierders wienen der gjin konsekwinters en gjin boetes.... ------------------------------------------------------------------------------------------------------OLDEBERKOOP- De oudejaarsploeg van Easterein ging er met de LoveFryslânletters vandoor. Ze waren de collega's van De Geitefok uit Oldeberkoop net een avond voor. ,,Ons doel is helaas voor onze neus weggekaapt'', erkent Maarten Dalof van De Geitefok. Er zaten weken aan voorbereidingstijd in. De vrachtwagen was al geregeld, er werd meermalen gepost in Leeuwarden, maar we plasten naast de pot''. Waar de jongens uit Oldeberkoop in de nacht van dinsdag op woensdag de letters mee wilden nemen, waren de mannen uit Easterein hun een nacht voor. Woensdagochtend doken de letters op voor CaféBergsma in het dorp. Oldeberkoop komt op nieuwjaarsdag met een andere stunt, twee jaar nadat ze de Olympische ringen van het Olympisch Stadion in Amsterdam haalden. Vorigjaar moesten ze zich koest houden, maar kwamen met een kleine stunt: ze haalden een vierhonderd jaar oud kanon uit het eigen dorp,om daar tijdens dejaarwisseling mee door de straten te rijden.


De Nije klean fan de Keizer Troch Nathalie Oliveiro Der wie ris in keizer dy't nije klean woe. Twa foarname kleanmakkers kamen en mjitten hare majesteit de moaiste klean oan, wat stûnen se prachtich! De keizer seach neat, mar fertroude op it fakmanskip fan de man. Doe't de grutte dei oanbrutsen wie, rûn er grutsk troch de stêd... Nijjiersdei. Ik sit hearlik op 'e bank nei de televyzje te sjen. I HeartRadio Festival is der foar. Leuk al dy muzyk en dy hippe artysten. Ynienen hear ik ús mem sizzen: 'Het is nu zeker in de mode om bijna niks aan te hebben'. Ik moat laitsje om har opmerking. Se hat wol gelyk. De artysten dy't foarby komme, koene bêst wat mear oan ha. It liket derop dat 'hast neat oan hawwe' akseptabel is at it yn 'e moade is. Want sis no sels, binne dy klean dy't bepaalde stjerren oan hawwe mei optredens en lykje op (swart learen) swimpakken mei in protte 'bling bling' no echt moai? Is wat ús oanbean wurdt op televyzje, yn 'e winkels en wat wy hearre op 'e radio wurklik altiten geweldich? Of sjogge en lústerje wy dernei

gewoan omdat dát is wat wy krije? Lykas thús at der iten op tafel stiet, wat miskien dy dei net sa lekker is, en we it dochs opite. We ite ommers wat 'de pot schaft'. Dat 'hast neat oan hawwe' yn 'e moade is, giet fierder dan klean. It is as moatte de protte foto's op Facebook, Twitter en Instagram de nijste trend kompensearje. Sels yn de taal is it werom te sjen. Sa lies ik lêsten oer 'skyporn' en 'foodporn'. Yn plak fan te sizzen dat de loft oe sa moai is, prate we oer 'luchtporno'. En at iets ús tige mar dan ek tige noflik smakke hat, dan neame wy dat 'voedselporno'. Wêr de minsk har jierren lyn skamme om wurden yn 'e mûle te nimmen dy't ek mar in bytsje seksueel fan aard wienen, is it no de moade. Somtiden is it better om de naakte wurklikheid te sjen dan rûn te rinnen as de keizer yn it sprookje fan Anderson út 1873, mei neat om it liif... Binne wy lykas de keizer as tinke wy sels nei?


Doarpsaginda 8-2 16.00 Ôfskiedskonsert Special Treatment Noflik Easterein 13-2 20.00 Jierfergadering Oranje & Heitelân 16-2 oant 22-2 Sûtelaksje foljebalferiening Covos 21-2 Band Vangrail Noflik Easterein 21-2 16.00 Bluescruise: The Hoochie Noflik Easterein 23-2 oant 28-2 Foarjiersfekansje 24-2 60+: Klaas Ybema fertelt oer it waar. Skoalleseize 2-3 oant 7 -3 Sûtelaksje KF Easterein Hawwe jo ek in aktiviteit foar de doarpsaginda? Stjoer in e-mail nei doarpskrante@easterein.nl

Bernehoekje

Troch Elisabeth Breeuwsma

Moppen van Jantje …. Jantje komt thuis met zijn rapport en na het bekijken ervan, zegt zijn vader: “Dat is een slecht rapport Jantje, dat verdient straf.” Waarop Jantje antwoordt: “Dat vind ik ook pa! Ik weet wel waar de meester woont.” Jantje komt uit school en zegt tegen zijn mama: “Mama, ik wou dat we een rond klaslokaal hadden.” “Waarom dat dan?”, vraagt zijn mama. “Als we een ronde klas hadden, zou ik niet in de hoek hoeven staan.” Er waren 2 kinderen, eentje heette gek en de andere niemand, niemand en gek gingen in de boom , dus niemand viel uit de boom, en toen ging gek naar de politie , en zei: niemand is uit de boom gevallen, niemand is uit de boom gevallen. toen zei de politie: ben je gek ofzoo, toe zei gek , hoe weet u mijn naam?!!


De Pinne – in stikje oer ynwenners fan Easterein

Dit kear yn ‘De Pinne’: Groot Amswert - Je moet doen wat je leuk vindt,

je hebt maar even!

Petear mei Paul Boghaerts

Troch Bauke de Boer en Yvonne van Beem

Oan it ein fan Skrok, tsjin it fûgeltsjelân oan wenje Paul en Chantal Borghaerts. Se binne al in oantal kearen yn it nijs west (de lêste kear op 20 jannewaris yn Bynt - Omrop Fryslân-) mei harren pleats en ek troch Paul syn aktiviteiten as ûndersiker nei de âldheid fan Fryske buorkerijen, dus waard it heech tiid dat wy der ek ris efkes sjen gongen om mei dizze minsken yn de kunde te kommen. Se wenje sûnt 2000 yn de pleats wer eartiids Van ‘t Zet wenne. We worden hartelijk ontvangen door Paul en krijgen gelijk een rondleiding in de nieuw opgetrokken groepsaccommodatie. Deze accommodatie is grotendeels zelf door Paul gebouwd. Er is plek voor 16 mensen en sinds de opening in april 2013 loopt het als een trein. Paul: “We zijn tot september bijna helemaal volgeboekt. Januari en februari gebruiken we om het onderhoud te doen want als er gasten zijn kan er vanzelfsprekend niet geklust worden”. Wat was de reden om een groepsaccommodatie te beginnen? Paul: “Deze boerderij is veel te groot voor twee mensen, daar moet je wat mee doen. Een groepsaccommodatie leek een juiste keus”. Voor een sfeerimpressie kun je kijken op website www.groot-amswert.nl of op de facebookpagina Groot Amswert. Hoe zijn jullie op deze plek terecht gekomen? Paul: “We zochten iets met ‘een plukje bomen ergens achteraf’. We zijn toen op Funda gaan kijken en daar stond deze boerderij op Skrok te koop(zonder foto). We zijn gelijk met de auto vanuit Marken richting


Easterein gereden. Bij aankomst bleek het bijna een bouwval te zijn. Maar met mijn bouwkundige achtergrond zag ik er wel wat in om er weer wat van te maken. Met de makelaar waren we er snel uit. Het was oktober 2000 toen we hier kwamen wonen”. Na twee jaar in een stacaravan te hebben gewoond, staat er nu, dertien jaar later, na een complete metamorfose, een mooie boerderij met een accommodatie. Waar komt de naam Groot Amswert vandaan? De naam Groot Amswert is afkomstig van de terpnaam Ansquert zoals deze boerderij in 1543 wordt genoemd. Paul: “Hier ben ik achter gekomen door archief onderzoek te doen (bij de gemeente en Tresoar). Ik heb aktes gevonden vanaf 1529 met daarin allerlei gegevens, huurcontracten. Door mijn onderzoek is wel duidelijk geworden dat hier in buurt veel oude boerderijen staan en dat is heel bijzonder. Ik heb inmiddels 800 pagina’s archief en alle huurcontracten vanaf 1700 van deze boerderij en duizenden bladzijden uitgeschreven van de boerderijen om ons heen vanaf 1511. Dat de boerderijen zo oud zijn en nog intact is bijzonder maar dat ook de bijbehorende documenten aanwezig zijn maakt het speciaal. Mijn interesse voor de bouwconstructie van Friese boerderijen werd gewekt tijdens de restauratie van Groot Amswert”. De schuren zijn buitengewoon kundig gebouwd. Paul heeft inmiddels 65 boerderijen ingemeten en 17 boerderijen dendrochronologisch onderzocht. Dit betekent met een holle boor een boorstaal doorsnee uit de binten halen. Aan de hand van de jaarringen is te bepalen hoe oud het bintwerk is. Inmiddels is er zelfs belangstelling uit het buitenland om hem bij dit onderzoek te helpen om de historische waarde van de boerderijen in kaart te brengen. Digitaal documenteren als vorm van behoud Een belangrijk moment in het onderzoek was de akte van Monsma uit 1709 (Monsmabuorren). In dit document staat nauwkeurig beschreven hoe een nieuwe Friese boerderij moet worden geïntegreerd met een bestaand langhuis (boerderijvorm voorafgaand aan de huidige boerderij). Paul: “Ik ben bij de mensen op bezoek gegaan maar de boerderij was inmiddels al afgebroken. Dit is erg jammer maar wanneer het economisch gezien niet mogelijk is om een boerderij te behouden vind ik het belangrijk dat het wel digitaal wordt vastgelegd. Digitaal documenteren als vorm van behoud”. De resultaten van zijn onderzoek naar de oudheid van de Friese boerderijen en hoe dit bouwtechnisch allemaal in elkaar steekt wordt in juni door


middel van een aantal lezingen bij Jelle de Boer op de boerderij verteld. Hierover volgt later meer informatie. Op de site www. hennaerderadeel.nl staat informatie over dit gebied. Zie onder Skrok, Groot Amswert. Verhaal van de honing: Naast het onderzoek is Paul ook nog imker. Paul:”Een aantal jaar geleden kwam een vriend met een bijenkast, dit is wel wat voor jou. Ik had het heel druk maar heb toch de kast aangenomen, nu heb ik een bijendiploma en leidt ik andere mensen op tot imker”. De honing wordt weggegeven of verkocht bij de Keunstrûte. Nei dizze jûn haw we safolle ynformaasje krigen dat de holle der fan dûzelt. It is wol dúdlik dat dizze man hiel entûsjast is oer de Fryske pleatsen en it lânskip en it behâld derfan mar dat jild eins foar alles wat hy docht. As dat no it oanlizzen is fan eigen enerzjy -ynstallaasje as it útsykjen fan de beste kleur kit om in kastewand yn eare te herstellen; hy giet der mear as 100% foar mei in soad entûsiasme en dat komt wer omdat hy dingen docht dy hy (mear as) leuk fynt. Tige ynspirearjend en nijsgjirrich!


Aginda foar de moanne febrewaris/maart: 6 feb. Bernedisko groep 1 o/m 6 19.00 – 20.30 7 feb. Disco Valentijnsparty groep 7&8 19.30 – 22.00 28 feb. SpesjaleTsjerne bandjûn fanôf 1e klas 20.30 – 02.00 middelbareskoalle 6 mrt. Bernedisko groep 1 o/m 6 19.00 – 20.30 7 mrt. Disco Party groep 7&8 19.30 – 22.00

Openingstijden: Woensdag, donderdag en vrijdag tot 20.00 uur geopend.

Dinsdag:

8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur Woensdag 8.30 - 13.00 uur Donderdag 8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur Vrijdag: 8.30 - 12.30 uur 13.30 - 18.00 uur 19.00 - 21.00 uur

Deze cad vanaf nu kunt u ook online reserveren. Woensdagavond van 17.00 - 20.00 uur knippen zonder afspraak.

Bruidskapsels en verdere behandelingen op afspraak. U kunt hier ook terecht voor uw ORIFLAME PRODUCTEN.

HOTTINGAWEI 4 8771 ST Nijland. Telefoon: 0515 - 569099

Wilma.indd 1

23-05-14 21:35

0515 - 333873 Terp 27 Wommels www.metzstyle.nl


Nijs fan Hâld Faesje Einehokje Sa’t eltsenien wol sjen kin, is it einehokje by de tsjerke oan in opknapbeurt ta, in oantal plankjes is ferrotte en it gehiel moet eins ek ferve wurde. De fraach fan doarpsbelang is: Wa wol it eine hokje dizze maaitiid opknappe ? Fansels wurdt it materiaal wat nedich is,oanlevere troch doarpsbelang. Jo kinne je oanmelde by ien fan de bestjoersleden of e-mail nei: greet.jorritsma@zonnet.nl Jiergearkomste De jiergearkomste fan doarpsbelang is dit jier op woansdei 8 april yn de Skoalleseize. De offisjele útnoeging wurdt tsjin dy tiid by jo thús besoarge. Bestjoer doarpsbelang Hâld Faesje

kapsalon

’t Kniplokaeltsje

Skilplein 1 8734 GW Easterein Tel.: 0515 - 33 23 20

Oant sjen!

Op freed fan 18.00 - 20.00 oere sûnder ôfspraak!

visite-afspr.kaartje.indd 1

Skilplein 1 8734 GW Easterein T (0515) 33 23 20

05-12-2013 11:04:34

Oant sjen!


“Bring de keatsers by it keatsen!”

Woonwinkel , A&M Lifestyle voor een leuk kadootje , brocante of voor een aanvulling op uw servies, bv., Emma Bridgewater of Burleigh servies, maar ook voor jams , chutneys of thee ook verkopen wij wenskaarten en ook nog postzegels, Kom gerust een keertje langs, kijk op de website, of like ons op facebook,

open woensdag t/m zaterdag middag, ‘s zomers ook dinsdagmiddag open. tel. 0515-332279, www.amlifestyle.nl, AenMv2.indd 1

28-03-14 20:05


Bêste hûne minsken, Troch Anneke van beem

Sa as yn jannewarisnûmer al skreauwn is oer it grut ôffal oan de Stittenserleane en dat je it grut ôffal oanmelde kinne by de gemeente, is der neffens my noch in grut probleem by ús yn it doarp. En dat is de hûnestront. Oeral op de stoepe kin je it fine, foaral by ús yn ’e steech is it in grut probleem. Oerdei sjoch ik nea immen mei in hûn yn ’e steech, mar as we moarns fuort gean stappe we der wer yn. En net allinnich yn ’e steech is it in probleem, op moai wat stoepen kin je it fine. De hûnen kinne der niks oan dwaan, mar de baaskes kin der al wat oan dwaan!!!!!! In hûn is wat my oangiet in mear as bewuste kar, pas der dan ek op en romje hûnestront op. Se kinne it spitigernôch net sels!!! Tige tank!!!

TE HIER Oan de Wynserdyk Garage Boxen Hobbyromte fan 30 m² Foar ynljochtingen 0653360461.

landrover landrover en en 4 4 x4 x4 specialist specialist

Sibadawei 1, 8734 HE Oosterend (Frsl.) Tel.: 0515 - 33 12 50 www.elephantoffroad.nl


Huisartsenpraktijk Hoepman is wegens vakantie gesloten van 23 tot en met 27 februari. De praktijk wordt tijdens onze afwezigheid waargenomen door: Huisartsenpraktijk J.W. Meerdink Van Sminialeane 45, 8731 BD Wommels. Telefoon: 0515-331331 (keuze 1: spoed, keuze 2 assistente, keuze 3: receptenlijn) Fax: 0515-332978 www.meerdink.praktijkinfo.nl Als u medicijnen bij ons besteld heeft en u heeft deze tijdens onze afwezigheid nodig, dan moet u deze medicijnen opnieuw bestellen bij dokter Meerdink (0515-331331, keuze 3) en de bestelling bij ons afmelden via de email (apotheek@huisartseasterein.nl) of afmelden op ons antwoordapparaat (0515-331488, keuze 2), dit ter voorkoming van dubbele bestellingen! Bestellingen van medicijnen die kunnen wachten tot na onze afwezigheid kunt u gewoon via onze website, www.huisartseasterein.nl , of ons antwoordapparaat (0515-331488, keuze 2) bestellen. Deze bestelling kunt u dan dinsdag 3 maart vanaf 15.30 uur afhalen bij onze apotheek.

verbeter- en procesmanagement

Met vriendelijke groet,

doeltreffend en pragmatisch www.fakwurk.nl

J.T. Hoepman-Brouwer

Huisartsenpraktijk Hoepman, www.huisartseasterein.nl Van Eijsingaleane 10, 8734 GC Easterein. Tel. 0515-331488 Fax. 0515-333421

Altijd al willen weten wat een hashtag is? -

praktische trainingen social media voor ZZP’ers en MKB’ers beginners en gevorderden laagdrempelig en betaalbaar

www.eerstehulpbijsocialmedia.nl


feefoer + keunstdonghannel Iepeningstiden loads:

Tiisdei: 7.30 - 12.00 en 13.00 - 15.00 Woansdeitemiddei: 13.00 - 17.00 Sneontemoarns: 8.15 - 12.00

ek foar al jo (lyts)fee… • hynders (Ynfo op ús webside) • skiep struiguod • geiten • (haksele) strie • kninen • spuonnen • hinnen • seachsel • hûnen • flaaks • katten Foer fan Vellinga:

‘Dát giet de goede kant út!’

GEBR. VELLINGA B.V. Tel. 0515-33 15 65 Sibadawei 26A, Easterein www.gebrvellinga.nl e-mail: gebr.vellinga@hetnet.nl


De Fabriek finalist ûndernimmingspriis de HET 2015

Yn Ljouwert/Easterein binne se tige grutsk op de nominaasje foar de ûndernimmingspriis de HET 2015!

Wat hâldt it krek yn?

Eén van de belangrijkste doelstellingen van De HET is om innovatieve ondernemers in de schijnwerpers te zetten. Finalisten worden dan ook bij diverse projecten betrokken. Van publicaties in zakenbladen als tot presentaties bij de Commerciële Club Leeuwarden (CCL) en tijdens de beurs TEL. Op deze beurs krijgen de finalisten bovendien een eigen stand. Daarnaast krijgen de finalisten een presentatie- en mediatraining aangeboden. Winnaars van De Het 2014 waren Zuivelhoeve in de categorie < 5 jaar en online marketingbureau Friks in de categorie >5 jaar. (Bron: www.waddenpost.nl) Op 24 maart wurde de winnaars bekint makke. We winskje Jaap, Sandra en de rest fan it team in protte sukses!


Noch ien kear dan! Yn petear Special Treatment Troch Bauke de Boer en Amarins de Haan

It is freed te jûn en we stappe it oefenhok fan Special Treatment yn. Se binne noch drok dwaande mei harren repetysje. Ien fan de lêste repetysjes wol te ferstean, se riede harren ta op it lêste optreden. Nei in lytse 25 jier is it moai west. En as it sa wêze moat, want it taske wat sjongeres Sandra al dik 12 jier eltse repetysje mei hat, jout der jûn ek de brui oan... In weromblik op 25 jier Special Treatment. Hoe is Special Treatment ûntstien? It is 1990. Marco Haagsma hie in gitaar kocht en wist dat Jan Jetze Brouwer der ek ien hawt. Se begjinne tegearre wat te spyljen, yn de wenkeamer fan Marco syn alders. Rudy Schuijf spilet drums en oefenet yn Us Gebou. En sa krûpe de mannen by elkoar. Rudy wie de buorjonge fan Gerben Kooistra. Hy spile keyboard en sa kaam hy der ek by. “It wie in bak herry, net eltsenien yn de buert wie der bliid mei. Mar we fermakken ús wol. Foar de lol muzyk meitsje. Neat serieus. Mar doe waarden we fjouwer dagen foar kryst frege as we Twadde Krystdei yn de Tsjerne spylje woenen. Mar ja, we wienen gjin band. Der moast ek in basgitarist by”. Dit waard Peter Kusters. Dy koene de mannen wer fan it fuotbaljen. Dus oefenje en alles mar spylje wat se koenen. Twadde Krystdei wie de Tsjerne ôfladen fol. En sa yn ien kear út alle skulden. Mem Haagsma regele it wol! De mannen hienen de smaak te pakken. Se woenen fjirder, dus moast der ek in namme komme. It waard Special Treatment, ynspirearre troch in pakje shag. En doe gie it hyl snel. Earst spilen se foaral yn de buert. Mar mem Haagsma koe ien fan de organisatoaren fan it strjittefestival yn Heech. Se liet in bandsje fan de mannen hearre en sa stienen se yniens yn in tsjokfol sporthal fan Heech. Mei in bus fol fans der op út De jonges makken hyl wat mei yn dy tiid. De optredens waarden troch harren sels regele. En sa kaam it dat Marco fia in kollega in optreden yn Wageningen regele. It soe in grut festyn wurde. Dus mei in bus fol Eastereinders der nei ta. De hinnereis wie it al feest, smoke yn de bus en koelkasten fol bier. Uteinlik wienen der yn Wageningen noch gjin 40 man. Mar legindarysk wie it wol!


Jimme wienen in jongensband. BH’s op it poadium nimme we oan? “Hahahaha, nee dat net. Mar wol in keunstgebit!” lit Marco witte. In keunstgebit? “We hawwe in kear in optreden hawn en doe drukte Jan Jetze my ûnder it spylje wat yn de hannen. Ik koe sa 1,2,3 net sjen wat it wie. Mar ik seach wol in âlde man op hannen en knibbels de seal troch gean. Ik sjoch nochris in kear yn myn hân. Haw ik in keunstgebit beet! Ik nei de man ta, tik him op it skouder, lit him it gebit sjen, hy sjocht ris, pakt it gebit en drukt it sa wer yn syn mûle en dûnset wer fjirder”. En altyd mei de brânspuitauto der op út? “Earst net, gewoan mei eigen auto’s. Letter kochten we in karre fan Wilhelmina. Pas dêrnei kaam de brânspuitauto. Dy koene we fan de gemeente oernimme. Dat wie ek noch wat. Dy kear dat de karre troch de as sakke. We hienen in optreden yn Snits, dus in probleem. Theo de Jong koe gelokkich de bus fan syn heit krije. Mar nei it optreden, waard de bus oanriden troch in beskonken bestjoerder dy’t út it kafe kaam. Theo en Gerben mei de bus op ‘e kop yn ‘e bocht by Zonnehoek. De bus fan De Jong total loss.... “. Op syk nei in oare drummer Nei rom 10 jier liet Rudy witte dat hy wat oars woe. Dus moast der in oare drummer komme. Simon-Paul is letterlik troch Jan Jetze efter de boerekoal wei fiske. “Hast ek wat te dwaan, we sykje in drummer. Ik helje dy oer in kertier op, kinst mei oefenje”. En sa bedarre Simon-Paul by Special Treatment. It earste optreden wie der sa senuweftich dat der letterlik elts nûmer ferkeard ynsette. Mar de wurden “Ik bin de bêste drummer dy’t jimme krije kinne”, hat hy dêrnei mear as wier makke. It bliuwt in jongesband Mar nei in pear jier kaam de klad deryn. As hja mear woenen as allinnich jeugdhonken, dan moast it repertoire ek breder wurde. En dat soe betsjutte dat der in frou by moast. “Dat wie eins net de bedoeling. We wienen in jongesband (froulje yn ‘e band jout allinnich mar gedonder wie it motto..). Mar ja, we kamen der net ûnderút”. Dus audysjes. De iene wie it net iens mei harren repertoire en de oare naam har heit mei. It wie gjin sukses. En doe wie dêr Sandra Bijlsma. “Wat wie ik senuweftich. Ik haw earst in kertier foar de doar stien.” Dat wie earne foar nedich, se mocht wol komme. “Mar it bliuwt in jongesband, Sandra is noch hieltyd yn har proeftiid,” laitsje de mannen.


De oefenhokken Harren alderearst oefenhok wie yn Reahûs, yn in stâl. Dêr wie it sa ferrekte kâld, dat de snie troch de rúten kaam en yn de winter it kofjesetapparaat beferzen wie. Letter bedarren se by Chris en Foekje op de súdhoeke. “Dat wie in deal mei Freddie Scheltema. As hy Rudy yn de band hawwe woe, dan woenen wy ek brûk meitsje fan harren oefenromte”. Dêr wie it in lúkse. In romte mei in bankstel. En smoke dêr! Mar Chris en Foekje woenen ferbouwe. “Jimme pisje my de foegen út de muorre wei!”. Dus wer op syk nei in oare romte. Se bedarren wer yn ‘e buert fan Reahûs. Hjir hawwe se rom acht jier sitten. En doe kamen se yn kunde mei Klynstra. Hy stoppe mei buorkjen en se krigen de kâns hjir in oefenhok te bouwen nei harren eigen winsken. En no nei hast 25 jier is it klear. Se hawwe in machtige tiid hawn, sa’n protte mei elkoar belibbe. Moaie saken, mar ek fertrietige. Mar foaral ek in hyl soad wille. Special Treatment bedankt foar al jimme moaie muzikale jierren, we hawwe fan jimme genoaten!!


advertentie Noflik skille


Hoe is it no mei... Haije Bergstra? Troch Nathalie Oliveiro

Doe’t ik yn 2008 nei Granada (Súd-Spanje) gong foar myn stúdzje, waard ik dêr hertlik ûntfongen troch famylje Bergstra. Ik mocht tegearre my in freondinne by harren bliuwe oant wy sels in plakje hienen. Fia in freon fan de famylje wie ik yn kontakt kaam mei famylje Bergstra en sa dwaande siet ik dêr yn it Andalusiske doarpke La Zubia. Ik wist foar dat ik dêr kaam noch net dat ik by in âld doarpsgenoat yn hús komme soe. Want, wat blykte? De hear des huizes, Haije Bergstra kaam ek út Easterein! Wat in leuk tafal. Foar dizze rubryk bin ik wer efkes yn petear mei him: Earst efkes oer it ferline. Hoe is dyn famylje yn Easterein kaam? Myn pake komt út Fryslân, en gie úteinlik nei Noard-Hollân om in bedriuw te begjinnen. Dêr hat er op in gegeven momint myn beppe troffen. Troch de krisis yn de jierren tritich woe it mei it bedriuw spitich genôch net slagje. Der wie lykas no in protte wurkleasheid. Doe hat myn oerpake, dy kaam út Wirdum, in winkel kocht yn Easterein. Dat hat hy eins dien foar myn pake. Yn 1936 is hy dêrmei begûn en ús heit hat dat úteinlik oernommen. Myn pake is dus oarspronklik gjin Eastereiner, mar hy hat der wol de rest fan syn libben wenne. Earst op de Tsjerkebuorren en doe letter op de Foarbuorren. Easterein fan doe Ik bin hikke en tein yn Easterein en ha twa broers en ien suster: Christiaan, Theo, Eduard en Geeske. Oant myn 25e ha ik der wenne. Sûnt myn 25e oant myn 29e bin ik op en del riden foar myn oplieding. Ik wenne doe wol by myn âlders thús, mar troch de wike wenne ik op keamers. Dêrnei bin ik nei Snits ferhúze. Yn Easterein die ik mei oan sport en aktiviteiten fan de tsjerke. Do hast ek by SDS fuotballe toch? Ja, ast sjochst by de antykfoto’s fan SDS stean ik der noch hieltyd op. Der stiet in foto op fan D2 en fan de twadde. Wy waarden doe, liuw ik, sponsere troch Glas 80. We binne meardere kearen kampioen wurden, mei de junioaren en mei de senioaren ek wolris. Ik ha by Douwe Schaafsma, Klaas van de Weg, Ype Tiemersma yn it team sitten, en ek by Jappie Wynia en Jan van Asselt. Nico Kooistra hat noch in skoft op doel stûn. Myn broer Christiaan hat ek noch by my yn it team sitten.


En keatsen? Keatsen wie net echt myn ding, wol ha ik mei dien oan it skoallekeatsen. Ik wie fan it fuotballen en fan de tennis. Wêr’t no de kantine stiet fan it fuotballen, dêr stûn doe in tennisfjild. It fuotbalfjild wie froeger in stik lytser. Der binne no twa fjilden, dat fierste fjild wie der noch net, dat wie earst in tennisbaan. Ik bin mei tennisjen begûn doe’t ik in jier as tolve wie. Doe’t it nei trije as fjouwer jier wat minder leuk waard, bin ik der mei stoppe. Ik bin wol altiten te fuotbaljen west. De winkel Us heit hie twa ôfdielings: klean en ynterieur. Hy die meastentiids de klean en dergelikke, en de ferkeap. Myn omke, omke Theo, kaam der op in gegeven momint by en die de flierbedekking en alderhande oare saken, bygelyks it ophingjen fan gerdinen. Yn it begjin die ús heit dat allinnich. Us mem holp ek yn ‘e winkel en foar de middagen hienen we help fan Joke Strikwerda.

Spitichernôch is de winkel der no net mear, hy hat oant 2002 bestien. Wat is dyn moaiste oantinken? Wat ik in leuke perioade fûn yn Easterein wie dat ik op de legere skoalle


siet en datst bygelyks in hiele lange simmerfakânsje hiest. It meihelpe de feesten foar te berieden, dat wie altiten tige leuk. En fansels ha ik my altiten tige fermakke mei it fuotballen en it tennisjen. Der waarden in protte dingen organisearre, toernoaitjes en soks. De ‘saamhorigheid’ yn de strjitte, de libbenens fan it doarp yn dy tiid, dêr koe ik echt fan genietsje. Der wienen doe in soad winkels en minsken wie echt rjochte op it doarp sels. Wat ik in protte dien ha as bern, mei oaren, wie polsstokspringen. It aaisykjen hie ik it geduld net foar. Mar mei de polsstok it lân yn, dan hast oant Hidaard rinne en wer werom gean, oer sleatsjes springe, dat fûn ik geweldich. En as bern koest alderhande hutsjes bouwe. Der wienen echt plakken wêr’t dat koe. In oare leuke oantinken is it blokfluitsje by master Hingst. Dat wie nei skoalletiid in healoerke oefenjen ûngefear, eltse tiisdeitemiddei liuw ik. En dan fluitten wy ien as twa kear it jier yn tsjerke. Ik ha dat in hiel skoft dien. De ferhalen fan master Strikwerda fûn ik ek geweldich. Wy sieten yn de fjirde klasse (groep seis) en dan kaam hy altiten op in middei skiednis jaan. Hy fertelde ferhalen oer Willem van Oranje en Maurits en in protte mear. Oan de doarpskrite ha ik as bern ek in leuke oantinken. Mei Sinterklaas hienen se elts jier in aksje yn gearwurking mei winkels en bedriuwen. Der waard dan in priis útrike, minsken koene in bedrach fan wol hûndert gûne winne. Dat wie in hiele happening. Us heit wie dêr altiten by, hy wie nammentlik de foarsitter fan de middenstânsferiening en ien fan syn taken wie de Sint in hân te jaan. Hoe is it no mei dy? Yn 1999 bin ik mei Mariska troud, we hawwe twa prachtige bern, Nathan (2008) en Sara (2010). Wy hawwe 5,5 jier yn Spanje, Granada wenne. Dêr ha we meidien oan in projekt foar it begjinnen fan in tsjerke. Yn it skoft tusken no en doe’t ik út Easterein fuort gie, ha ik teology studearre en bin ik predikant west foar dik seis jier. Dêrnei bin ik dwaande west in tsjerke te begjinnen. Wy binne no hast in jier wer werom yn Nederlân en wenje yn Scherpenzeel. Op it stuit ûndersteun ik tsjerken op it gebied fan û.o. sending. It ôfrûne jier ha ik teology dosearre yn it bûtenlân en ynkoarten sil ik foar in wike nei Ingelân en yn maaie foar twa wiken nei Spanje. Ik bin no om my hinne oan it sjen of ik mear yn it ûnderwiis wurkje sil as mear tiid jaan sil oan in promoasjeûndersyk dêr ik dwaande mei bin. Ik fyn it leuk om


te skriuwen en hâld ek in blog by, dêr set ik regelmjittich stikjes op. Sa ha ik in skoft lyn skreaun oer Oepke Noordmans, in belangryk teolooch, hy komt ek út ús doarp. Komst noch wolris yn Easterein? Jawis. Ik bin der berne en der leit foar my in protte skiednis. Ik ha goede oantinkens út myn jeugd dêr en kom dêrom graach werom. Myn roots lizze yn Easterein en ik kin der allinnich mar mei waarme en positive gefoelens oan werom tinke. At minsken wolle, kinne se my fine op Facebook, myn blog kinne se lêze op it ynternet en se binne fansels wolkom om by ús yn Scherpenzeel in bakje te dwaan.

Eerst Hulp, weet wat je kan doen Een ongelukje zit in klein hoekje, zeker met kleine kinderen. Hoe goed je ook oplet als ouder of grootouder, een ongelukje is nooit helemaal uit te sluiten. En als het dan toch gebeurd kun je maar beter weten wat je moet doen. Heeft u een verbanddoos in huis en weet u wat te doen bij een bloedneus of een ernstige snee? Weet u hoe te handelen als uw kind een speeltje heeft ingeslikt en wanneer het toch beter is om naar de huisarts te gaan met een ongeval. Wellicht heeft u in het verleden een Eerste Hulp Bij Ongelukken (EHBO) cursus gevolgd. Maar is die kennis wat weggezakt. Dan is de start van het nieuwe jaar met uw goede voornemens een mooi moment om te besluiten die kennis te gaan opfrissen. De EHBO-vereniging Wommels verzorgt elk jaar herhalingslessen om de EHBO kennis van haar leden op peil te houden. Ook als uw EHBO diploma verlopen is, kunt u onze lessen komen volgen. We verzorgen twee keer per jaar een reanimatieles, inclusief bediening van een AED en elk najaar hebben we een serie lessen over allerlei EHBO zaken. De lessen zijn ‘s avonds in het Dielshus in Wommels. Mocht u nog nooit een EHBO cursus gevolgd hebben, dan is een basiscursus aan te raden. Bij voldoende deelname kunnen we dat organiseren. Er zijn zelfs verschillende ziektekosten verzekeringen die een EHBO cursus vergoeden in het kader van preventie. Meld u aan via onze email EHBOWommels@hotmail.com of bel met ons secretariaat. 0517-469152.

Tot ziens op onze lesavonden. Het bestuur van de EHBO vereniging Wommels


Laat er geen gras over groeien...

En kom voor al uw tuin- en parkmachines naar Bos. Of het nu gaat om een nieuwe grasmaaier, kettingzaag of hogedrukreiniger. Onze ervaren medewerkers helpen u de juiste machine te kiezen, nieuw of tweedehands. Na aanschaf kunt u dankzij onze ‘Parts Center’ rekenen op onze servicemonteurs voor vakkundig onderhoud.

deerd! n a r a g e g d ij lt A • de sterkste merken • deskundig advies • de beste service EASTEREIN / HARICH / SNEEK / TIJNJE |

149291-2-BOS-Adv-A5staand.indd 1

bosmech.nl

voor voor de de beste beste prestatie. prestatie. 01-04-14 13:46


Bern en muzyk….

Troch Anneke van Beem Fan muzyk wurde je bliid, ik al teminsten. Der is in soad muzyk wer ik bliid fan wurd.. mar hoe sit it mei de bern fan tsjinwurdich, hâlde se ek noch fan klassike muzyk, sitte se ek op muzykles sa as ik myn hiele jeugd op in klarinet spile ha. Ik gie nei Mirthe Overal. En hearde efkes by har.. Ik ha heard do hast in saksofoan, werom? “Ik fyn it gewoan in moai ynstrumint, de klank is moai. Ik ha earst op AMVles ( algemiene muzikale foarming) sitten en doe ik dêr klear mei wie, mochten we in muzykynstrumint útsykje. We bin op in doe dei yn Snits west en dêr ha ik allegear ynstruminten probeare en doe ha ik foar de saksofoan keazen. Ik krige der lûd út en fûn it leuk. Nei de grutte fakânsje fan foarich jier ha ik ‘m krigen. Letter soe ik graach op it korps wolle, mar ik moat earst noch wat mear oefenje en in A diploma hawwe”. Letter op it korps wol Mirthe graach op in altsaksofoan, de klank is iets waarmer en sêfter. Dizze sopraan is frij heech fan klank en lûd. De grepen binne dan al it selde, dus dan is gjin probleem. Fierder bin der ek noch in bariton en in tenorsaksofoan. Dy klinke wat donkerder. At je muzyk meitsje dan heare der ek nôten by. Hoe giet dat? Ik fyn it noch al wat muoilik mar kin it al in bytsje en myn mem helpt my ek. Die sit al hieeeeeeeel lang op it korps mei in trompet. Wêr hast les en hast dat allinnich of mei mear bern? Ik ha yn Wommels les op tongersdei in oerke we bin mei ús fifen. En we oe-


fenje dan ek wol ris mei-elkoar. We sykje om de beurten in ferske út en dy oefenje we dan. Ik ha jierren in klarinet han, en wit noch dat ik hast eltse wike in nij rytsje ha moast.. hoe is dat mei dy en fertel de minsken ris wer je it rytsje foar brûke? It rytsje der blaas je troch hinne, sa komt der lûd út it ynstrumint. Mei je fingers gean je oer de kleppen (dit binne de knopkes) en sa kin je muzyk meitsje. Ik bin wol sunich op myn rytsje en pas der goed op. Makkest dyn sopraansaksofoan ek goed skjin en hoefaak? Ik meitsje him eltse kear nei it oefenjen (en dat probear ik eltse dei efkes te dwaan) skjin en ien kear yn ’e wike poets ik de bûtenkant. Wolst self ek noch wat fertelle? De sopraansaksofoan hat in soad kleppen ik brûk no noch net alles. Bygelyks de oktaafklep (om alles noch heger te meitsjen brûk ik noch net) fierders sit ik ek noch op majorette yn Wommels, dat is ek mei muzyk. Lekker bewege. Dat doch ik ek al in goed jier. We hâlde shows mei de batton, mei de pompoens en mei de flaggen. Mei de flaggen dat is myn favoryt. Oan it ein fan ús petear sipelet Mirthe noch in stikje foar my (út de holle) en mei ik ek noch efkes probeare. Ik krij der lûd út en efkes tink ik werom oan myn moaie korpstiid. Mirthe hâld fan muzyk, dat ha ik wol opmurken… leuk!!!!

Wilhelminanijs

OM TE WITTEN & NET TE FERJITTEN! Y.f.m. mei it ôfskiedskonsert fan Special Treatment is ús konsert fan 8 febrewaris, mei Gerrit Breteler, pianiste Clara Rullman en it projektkoar fan cultuurcentrum de Wâldsang ferpleatst nei: Snein 22 maart om 16.00 oere yn de Martinitsjerke te Easterein. Oare kear mear hjiroer.


Yn’t ljocht : Aukje Ottens – de Jong fan De Taartentsjoender Troch Elisabeth Breeuwsma

Tsjoender is het friese woord voor tovenaar. De taartentsjoender maakt speciaal voor u onweerstaanbaar lekkere taarten die er prachtig uitzien. Perfect voor een verjaardag, bruiloft , jubileum, geboorte, pensionering of andere gelegenheid.   En meestal houdt een tovenaar zijn kunsten geheim, maar de Taartentsjoender deelt ze graag met u. Kom naar een van de workshops en u leert hoe u zelf een taart of cupcakes vult, bekleedt en decoreert. Dit is it wolkomswurd fan Aukje op har webside fan De Taartentsjoender. Wa op facebook sit, sjocht se grif wolris op foto foarby kommen; de prachtige taartkreaasjes fan Aukje Ottens – de Jong, letterlik en figuerlik in taartentjoender! Kreatyf brein Op in woansdei te middei, mei sinneskynwaar en snieflokken, ha ik in petear mei Aukje op de Skippersbuorren oer har bedriuw De Taartentsjoender. Aukje hat altyd kreatyf west, mar mei taarten kaam it faaks net fjirder dan in ‘gewoane’ lekkere appeltaart. Oant dochter Benthe sa’n 7 jier lyn foar har jierdei graach in skyldpodtaart ha woe. Aukje tocht; dat moat ik sels dochs ek kinne?! Op ynternet hat se har ideeën opdien en sa is it baltsje (as de taarten) einliks rôljen gien, want it gong harsels wol ‘aardich ôf’, moaie taarten en cupcakes meitsje. Workshops en feestjes! Al gau kaam Aukje der efter dat nei persoanlike feesttaarten best wol fraach wie. Sa koene minsken yn in koart skoftke tiid al by har in taart as cupcakes bestelle, hâlde se workshops as berne feestjes en dêr wie De Taartentsjoender! No binne we safolle jierren fjirder en is de lokaasje fan de workshops en feestjes tsjinwurdich op de Van Eijsingaleane en wol yn de âlde bakkerij fan Van der Brug. Ideaal fynt Aukje, want sa hoe se der thús ek net rekkening mei te hâlden.


Ideeën… Sûnt in pear jier makket Aukje allinnich noch mar breidstaarten. Dit komt omdat Aukje oanslúten is by it Trouwcollectief Friesland, in organisaasje wer minsken harren hiele trouwerij gearstalle en regelje kinne. Sa ek de breidstaart. Klanten kinne elts mei ideeën komme foar harren taart, faaks binne dat plaatsjes fan ynternet, mar dêr besiket Aukje dan wol sels har eigen draai oan te jaan. Mar it bart ek wol dat Aukje de taart hielendal sels betinke mei. Uteinlik is it meastal de frou die in moaie taart ha wol en seit de man net safolle…… ;-) De klant is koning… Fia it Trouwcollectief Friesland, mar ek Lokaal55, hotel- restaurant Van der Valk en troubeurzen komt Aukje oan har klanten. As de klanten in kar makke hat oangeande de taart, wurket Aukje it idee fan de taart fjirder út, soms helpt in nichtsje mei troch it ûntwerp út te tekenjen op papier om’t sy dat hiel goed kin. Dan wurdt de klant / it stel útnoege foar in priuwerij fan trije ferskaten caketaarten mei folling. Faaks is de smaak ienfâldich, it selde patroan en giet it om de bûtenkant / útstrieling fan de taart. Eltse taart dy’t Aukje makket set se sels op de foto, ek in hobby. Sa is yn it taarten tydskrift Mjam Taart, ien fan Aukje har taarten stap foar stap werom te finen foar kreative taartenbakkers! Tiid… Thús hat Aukje in aparte ‘keuken’ mei alle middels die se nedich hat om in moaie taart te meitsjen. Hjir kin se rêstich har ding dwaan. En it is noch wol in ding, taart meitsje……, want mei in 3-laags taart is Aukje dochs yn totaal sa’n 12 oant 15 oeren besich! Net oan ien stik troch fansels, mar mei it meitsjen fan, bygelyks, in roaske ( Aukje har spesjaliteit) is se dochs gau sa’n 20 minuten dwaande. En meastal sit der mear as 1 roaske op in taart…… It binne dan ek net mear trije as fjouwer taarten yn de wike dy’t se makket. En se kryt it de kommende tiid wer drok, want it ‘trouseizoen’ is ûngefear fan maart o/m oktober. Eltse brulloft is bysûnder…… Se levert de taarten dan ek persoanlik by de klant ôf. Dan freegje ik my fuort wêr of hoe se dat docht, at it no nea misgiet, sa’n moaie grutte taart yn de auto ferfiere…… wit net at dat by my goed komme soe….. Gelokkich giet it Aukje hiel knap ôf! Antislip matten, foarsichtich oer drompels en troch bochten, (je moatte dus wol op tiid fuort gean) dan giet it altyd goed!


En sa kom je ek nochris op in trouwerij, wêr Aukje ek wolris útnoege wurd om te bliuwen, erch bysûnder. Sa ek by in Irakees stel. Sy woenen graach in hege taart mei in protte lagen, want dat betsjut in soad yn harren kultuer. Mar dêr wie harren budzjet net neffens. Sa binne se (Aukje en it stel) op it idee kommen om de ûnderste lagen dan mar fan pypskom te meitsjen en sa te dekorearen as de rest fan de taart. It wie net te sjen hokker lagen echt wienen en hokker net! De taart hoefde jûns let pas nei it feest en Aukje mocht dêr ek by bliuwe. Mei grutte swurden waard de taart (it ytbere gedielte….) yn stikken snijd. Al mei al hiel bysûnder om mei te meitsjen! Wurk en hobby. Uteinlik hat Aukje fan har hobby har wurk makke, wat sawat in fulltime baan is. Ek foar de rest fan it gesin, want alles wat makke wurd moat ek op! Sa sitte se thús wol gauris oan de taart as cupcakes, de favoryt fan de dames Ottens. Mar wêr se it allegear litte……?? Jimme kinne De Taartentsjoender ek op internet en facebook fine!


sneon 21 Maart

V

C I S A B BACK TO

MEI MEIWURKING FAN DE

EASTEREIN ROCKS JUNIOR BAND noflik easterein | seal iepen 20:30 | tagong â&#x201A;Ź10,| foarferkeap noflik easterein

www.eastereinrocks.nl


Easterein Rocks Nijs It is drok yn de Muziekkboerderij yn Boalsert. Om de fjirtjin dagen bin der 26 muzikanten mei Eastereinder roots drok dwaande om it repertoire foar 21 maart ûnder de knibbels te krijen. En we meie ferklappe dat Easterein Rocks 5 in geweldige happening wurdt. Easterein Rocks Junior Ek de Easterein Rocks Junior Band binne út ein set. Dizze jonge talintsjes sille har debút meitsje op it grutte poadium fan kaffee Noflik. Tige spannend foar dizze muzikantsjes mar we ha in grut fertrouwen yn de bandcoaches, Gerrit Hingst en harren Eastereinder dosinten Sytze Verbeek, Gerard van Asselt en Antsje Stenekes. Kaartferkeap De kaarten binne € 10,- it stik en te ferkrijen yn de foarferkeap by Noflik as fansels by de doar. Bern o/m groep 8 binne fergees. De doar is om 20.30 oere iepen en rûn 21.00 oere sille we los! Hâld de datum 21 maart frij! De Easterein Rocks Kommisje

Persbericht Longfonds zoekt collectanten

Doe ook mee met 40.000 anderen en collecteer in de week van 20 t/m 25 april 2015 voor het Longfonds (voorheen Astma Fonds)! Persbericht Daarmee helpt u mensen met een ongeneeslijke longziekte en maakt u onderzoek mogelijk om Longfonds zoekt collectanten kapotte longen te repareren. Als collectant kunt u zelf bepalen hoeveel tijd u wilt investeren. De meeste collectanten lopen in hun eigen straat of buurt. Het kost u zo’n anderhalf tot twee uur Doe ookvan meeuw met 40.000 ander Longfonds (voorheen Astma F tijd. Wilt u zich opgeven of meer informatie? Ga naar longfonds.nl/collecte of bel naar de Collecteadministratie (033) 43 41 287. Daarmee helpt u mensen met ee

kapotte longen te repareren. Als meeste collectanten lopen in hun

----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------tijd. Wilt u----------zich opgeven of meer Collecteadministratie (033) 43

U kunt zich ook persoonlijk bij mij opgeven. Een week voor de collecte krijgt u de collectebus en -------------------------------------------toebehoren. Alvast bedankt. Met vriendelijke groet, Antje van Schepen (Tel.: 332738)

U kunt zich ook persoonlijk bij mi toebehoren. Alvast bedankt. Met vriendelijke groet, Antje van Schepen (Tel.: 332738)


D! NIEUW IN FRIESLAN

elen? ent willen leren besp m ru st in n ee g aa gr ment of zou je s! Speel jij al een instrukschool Friesland aan het juiste adre e les op het instrument dat je ie rst uz ee M f de Dan ben je bij ten en speelt vana er ervaren muzikan luidstechniek. en ge fessionele en ze , bas of zelfs lichtJe krijgt les van pro gitaar, drums, zang rd, oa yb ke , no graag wilt leren. Pia

! n i e r e t s a E n i s e l r Nu moaiol GkerritgHiintgast avoor meer informesatlaien,d.nl Bel of uziekschoolfri m t@ ri er g / 8 7 5 1 06 184 2

lfriesland.nl o o h c s k e zi u .m w ww


Foar it earst op yn in fleant煤ch! Frou Stilma fan de Sjaardaleane hat op 85 jierrige leeftyd har earste flucht makke. Dit wie boppe Easterein, 么fr没ne simmer (juny). En se hie de smaak te pakken, want yn augustus gong se mei in Boiing op fak芒nsje nei Portugal.


Skoalleseize in de startblokken! Nadat we in het dorpskrantje van december wat meer over de Stichting Skoalleseize hebben verteld, willen we u nu op de hoogte brengen van het projectplan waar we al tijden druk mee bezig zijn en waar we voor in de startblokken staan. Eind november 2014 werd de door ons gevraagde subsidie voor ons project door de gemeente goedgekeurd. Een fantastisch moment! Het project betreft: het renoveren van de kleedboxen, het vergroten van het B-veld en het aanleggen van een kunstgrasveld op het hoofdveld. De kantine en de velden van de Skoalleseize liggen in Easterein maar zijn bestemd voor alle (sport)verenigingen met leden uit Wommels, Easterein en alle omliggende dorpen. Tijdens wedstrijden komen andere verenigingen vanuit heel Friesland naar ons mooie sportcomplex. Naast de subsidie van de gemeente is er nog een groot geld bedrag nodig. Om dit bedrag bijelkaar te krijgen is een speciale actiegroep bezig met mooie plannen. Zodra daarover meer duidelijkheid is wordt dit bekend gemaakt! Feit blijft dat het hele project pas echt door kan gaan als al het geld binnen is. Waar we wel alvast mee starten is de renovatie van de kleedboxen dit voorjaar. In tegenstelling tot het werk aan de velden is er bij de kleedboxen werk wat door vrijwilligers gedaan kan en moet worden. Bouwbedrijf Bootsma doet het meeste werk, maar doet niet alles. Denk aan afbreken, opruimen, verven enz. We hebben uw hulp dus echt nodig! Zin en tijd om soms of vaak mee te helpen? Stuur een e-mail naar Sjoukje@vandereems.nl of bel 06-30053014. Gezamenlijk kunnen we er voor zorgen dat de Skoalleseize na afloop van het project een modern en sportpark is met een fantastisch verenigingsgebouw en waar het gehele jaar door activiteiten en sportwedstrijden gehouden kunnen worden. Activiteiten voor de hele regio! Kunnen we rekenen op uw hulp?

Safolle kaarten mei leave wurden, safolle belangstelling tydens Peter syn sykte en by syn forstjêrre, it docht ús goed en helpt syn gemis in plak te jaan. Tiige tank dêrfoar. George en Anneke


NU UW CV-KETEL VERVANGEN IS

* Actieperiode 1 mei tot 14 juni 2014. Vraag naar de voorwaarden

GRATIS 10 JAAR COMFORTGARANTIE*

Ook toe aan een nieuwe cv-ketel? Wij adviseren u graag! Uw ATAG SelectDealer:

Fabrykswei 7 Easterein T. 0515 - 331 512

www.dejonginstallatiebedrijf.nl info@dejonginstallatiebedrijf.nl


‘It liften giet wer oan!’ Troch Nathalie Oliveiro

Orizjinele ideeën binne der sêd yn Easterein en omkriten. Geeske Yntema gong dan ek op in tige bysûndere wize it nije jier yn. Sy fertelt ús hjir mear oer: Lift 2.0 kinst dêr wat oer fertelle? In tiidsje lyn ha Andries Lanting, Igor Kalinowski en Bram Strubbe it lift idee opsetten. Sy ha yn ’e freonegroep frege at der mear ynteresse foar is. En ja hear, yn in koarte tiid siet it fol. Nijjiersdei om tolve oere binne we mei njoggen koppels mei de tomme omheech nei Milaan west. In wedstriid wa’t as earst yn Milaan (yn it hostel) is. Der binne yn prinsipe net in soad spulrigels: je meie net jild foar ferfoer jaan en der meie net twa dames tegearre lifte. Wêrom hast der oan mei dien? En, fûnst it net super spannend? De earst ynjouwing wie, dit wol ik net misse! Letter kaam it besef pas dat ik ‘lifte’ soe en dus by frjemde minsken yn ‘e auto stappe moast. Fan te foaren ha ik hjir earlik sein ek best tsjin opsjoen. Liften nei Milaan... hoe giet dat yn ‘e praktyk? Giest mei de tomme omheech en dan gewoan mar lifte as hiene jim echt in strategy? Fan te foaren ha we de kaart besjoen en de moaiste rûte útsocht. Ús doel wie foaral om fan tankstation nei tankstation te gean, it leafst dy’t 24-oeren iepen binne. Dit wie úteinlik de belangrykste taktyk. We hiene besletten dat we nei de Provinsialedyk drave soene. Jelmer, myn maat, hie in kartonnen boerd makke mei wat bútenlanse teksten der op. Sels hie ik ek in buordsje mei tape der op, sadat we de whiteboardstift útfaaie koene. Dit hat goed wurke! Fertel ris wat oer dyn team? Ik stie earst mei in oare partner op papier. Dy koe úteindelik net. Dus ha ik it yn ‘e groep goait. Jelmer waard troch ferskillende minsken neamt. Jelmer wie hiel entûsjast! Ik ha der net oer yn sitten. Trochdat Jelmer sa fanatyk wie, krigen we wol mear konkurenten. Wêr yn Milaan wie de finish en hoe wie dy te finen? We koene te plak yn in hostel yn Milaan. It hostel wie 24 oeren iepen. Fan te foaren ha we it adres krigen. De minsken fan it hostel ha ús Facebook site


elk folge, se koene dus op de hichte bliuwe. Hoe soest dyn Lift 2.0 ervaring omskriuwe? Allinnich mar posityf! Fantastysk! Ik hie nea tocht dat ik sa entûsjast thús en yn Milaan oankomme soe. Earlik sein bin ik altyd best in eangsthazze. Tidens de reis ha ik my net ien kear únfeilich fielt. Yn fyftjin oeren nei Milaan, dat is snel! Hoe ha jimme dat sa foar elkoar krigen? It gong allegear hiel snel, we ha eins (op it lêtste tankstation nei) net langer dan tsien minuten op in tankstation stien. We ha úteindelik mar seis liften hân. Fjouwer fan de seis liften binne foar ús omriden en ha ús op in moaier plak útset.

Wat fûnst it moaiste? Wiene der ek mindere momenten? At ik de ferhalen fan it liften fan jierren lyn lês, meie wij seker net kleie! It minste fan it liften fûn ik dat we ‘s nachts twa oant trije oeren wachtsje moasten op it lêtste kâlde tankstation yn Lugano. Tidens de wedstriid ha


we hiel lang op kop stien, oan’t dat tankstation ta. It wie doe wol in beste tsjinfaller dat we op Facebook lêze moasten dat Gert-jan en Berber oankommen wienen. Fierder bin ik myn beurs ferlern tidens de reis, dat wie in dikke baler! Yn Milaan ha we in top tiid hân. We ha ús hearlik úntspanne kint. Derneist bin ik hiel bliid dat ik dit dien ha. Twadde wurden, lokwinske! Hiedest dat ferwachtte? Nee, ik hie der earlijk sein gjin idee fan. Je moatte aardich wat mazzel ha om sa snel foar út te kommen. Folgjend jier wer? Ja dat seker! Ik ha in fantastyske ervaring hân. Ik ha my ferbaast oer hoe makklik minsken, frjemden, sa as ús, meinimme. Sa aardich dat se allegear foar ús west ha. Minsken dy’t omride, iten/drinken mei jaan ensfh.. Ik ha nei de tiid ek noch leuk kontakt hân mei minsken dy’t ús meinommen ha. Sy binne yn ‘e 70 en hiene earder noch nea lifters meinommen. It wie foar harren ek in spannende ûnderfining, mar it hat sa goed befallen dat we noch telkens kontakt ha.


Posthuma Skilderbedriuw Underhâldsskilderwurk oan jimme hûs. Kleuradfys en kleurûndersyk. Behang en Skilderwurk. Restauraasje en imitaasje wurk. (hout en marmerimitaasje) Isolaasje fan besteande ramen mei dûbel glês of foarsetrúten op in uniek wize.

Foar in frijbliuwende priisopjefte Skilje 0515 - 33 13 13. POSTHUMA SKILDERS EASTEREIN

VAN KRIMPEN autoschadeservice

• AUTOSCHADE HERSTEL • OLDTIMER RESTAURATIE • TUNING Autoschade Service van Krimpen Industriepark 2 8701 PN Bolsward

• SPOT REPAIR • RESTYLEN

0515-336585 06-18639018

www.autoschadevankrimpen.nl


Als MRW Accountants van de partij is…

…staat u er nooit alleen voor! GORREDIJK T 0513 - 46 91 30 SNEEK T 0515 - 42 98 00 WOLVEGA T 0561 - 61 67 15

www.mrw.nl -

info@mrw.nl


jubilaris kaarten boeken

geboortekaartjes printen

kopiĂŤren

offset drukken vouwen

trouwkaarten digitaal drukken

offset drukken

vergaren

HET VERTROUWDE ADRES VOOR AL UW familieDRUKWERK Easterein Sibadawei 20

Heerenveen Komeet 4

Bolsward De Marne 108b

www.vandereems.nl

Profile for Silvia Hania

Doarpskrante Easterein - febrewaris 2015  

Doarpskrante Easterein - febrewaris 2015  

Advertisement