Heit en Mem nr. 3 2011

Page 33

meartalich opfiede Sjoke Assi-van der Veen wennet yn Frankryk, oan ’e mar fan Genève yn Thonon-les-Bains,tegearre mei har man Fabien en har beide bern Stefano Tieme en Amarens Klaske. By tafal fûn sy de site fan Heit en Mem (www.heitenmem.nl) en sy berjochtet ús oer de meartalige situaasje by har thús. ‘Earst wennen wy tegearre yn Dronryp. Wy hienen dêr in moai hús en beide in goeie baan. Ik wie gymnastyklearares op ’e middelbere skoalle yn Frjentsjer en yn myn frije tiid wie ik oan it keatsen. 8 jier ha ik meidraaid yn ’e haadklasse. Wy krigen yn 2006 ús soan Stefano Tieme en wy wienen gelokkich. Dochs begûn der wat te kribeljen by Fabien. Jierren lyn wie hy nei Nederlân gien foar de leafde, mar no woe hy graach werom nei syn oare leafde: Frankryk. Fabien is yn Frankryk opgroeid. Hy woe werom fanwegen de natuer, de romte en it gemis fan syn famylje. Hy mei graach fiskje en wurket it leafst mei moai waar bûten yn ’e tún. Ik fûn dat bêst en seach it as in grut aventoer, in útdaging! In oare kultuer, in oare taal. It moast allegear earst wol wenne mar wy ha ús draai fûn. Yn 2009 ha wy der in dochter by krigen: Amarens Klaske. Stefano is no 5 en praat Frânsk mei syn heit en fansels ek op skoalle. Mar ik praat mei beide bern Frysk; de taal dêr’t ik mei opgroeid bin. Wy sjonge Fryske en Nederlânsktalige ferskes en lêze dito boekjes. Tomke, Stip, Jentsje en benammen ‘Wobbeltsje’ binne favoryt. As Stefano út skoalle komt en hy wol hurd-hurd wat fertelle dan ‘hukselt en mikselt’ er it Frysk en it Frânsk noch wolris trochinoar. Mar is dat no in neidiel? De foardielen fan de twa/trijetalichheid

fan ús gesin binne folle grutter. As wy yn Fryslân op fakânsje binne, kinne pake en beppe, nichtsjes, neefkes, tantes en omkes Stefano en Amarens goed ferstean. Stefano hat fia Skype regelmjittich kontakt mei harren en fan ’t simmer hawwe wy ek in pear wike nei Fryslân op fakânsje west. Ek mei Sinteklaas planne wy altyd in wike yn Fryslân, om in stikje kultuer mei te jaan. It “Sinterklaasjournaal” folgje wy út Frankryk wei, dat is in grut sukses by Stefano. Thús praat ik mei Fabien Nederlânsk, sadwaande ferstiet Stefano it Nederlânsk no ek al wat. Yn ús omjouwing wenje mear Nederlanners en der is in soad toerisme. Sa krije Stefano en Amarens ek fan it Nederlansk genôch mei om aanst, as sy grutter binne, dy taal ek goed ferstean en prate te kinnen. Einliks besykje wy de bern troch har meartalige opfieding de moaiste dingen fan beide lannen priuwe te litten. Taal is de kaai dy’t in soad doarren foar dy iepenje kin.’ Sjoke kombinearret har baan as mem mei in eigen webwinkel mei bernekadootsjes. www.leptitroi.com Kinsto wol in oantal tips brûke wat it meartalich opfieden oanbelanget bûten Fryslân? Sjoch dan gau op www.heitenmem.nl!

Ik wurd mei in lytse 20 wike mem. Wy hawwe it doel om ús berntsje twa talen mei te jaan. Myn freon is in Achterhoeker, dêr wenje wy ek. Ik bin benijd hoe't soks giet. Mirjam Mem praat Frysk en papa Nederlânsk en dat is foar ús Marie fan twa-en-inheal de gewoanste saak fan 'e wrâld. Ek by oaren hat se gau genoch yn 'e gaten hokker taal brûkt wurde moat: mei beppe sjocht se in hynder, mar mei oma in paard. Sippy Wij wonen op het eiland Menorca en mijn partner spreekt Catalaans met de kinderen en ik Fries. Onze voertaal is Spaans, dus de kinderen worden in principe drietalig opgevoed. Ik heb heel even getwijfeld over het Fries, maar uiteindelijk won mijn hart het. Ik denk in het Fries, ben Fries opgevoed en het is geweldig om deze taal door te geven aan mijn kinderen. En het is ook zo leuk voor familie en vrienden. Komt de ‘Spaanse’ familie in Friesland, kunnen ze gewoon Fries tegen de kinderen praten. Miranda Wat is dyn ûnderfining mei meartalich opfieden? Lit dyn reaksje efter op www.heitenmem.nl

33


Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.
Heit en Mem nr. 3 2011 by heit&mem - Issuu