Heit en Mem nr. 3 2011

Page 15

útstapkes

Utstapkes stie t dizze kear yn it teken fan d fy ts en oan it e wurkwinkels wurk, blinder! . De hiele húsh Alle út stapke âlding op ’e s binne ek ge skik t foar jierd eifeestjes.

tsiis

Mei de húshâlding nei de buorkerij. Ris sjen hoe’tsto tsiis fan molke makkest en wêr’t de molke wei komt. 10 liter molke hast nedich foar 1 kilo tsiis, mar hoefolle molke jout in ko eins gemiddeld per dei? Nim it antwurd mei nei Warten en doch in wurkwinkel tsiismeitsjen. www.dewartenster.nl

glês Yn it glêsatelier fan Hooghiemstra, ticht by Oentsjerk, kinst mei syn allen oan it wurk mei bygelyks in skaal, raamhinger of in fûgel. Mei meald, kleure glês kinst dyn wurkstik fersiere, neffens foarbyld of sa’tst it sels betocht hast. Yn ’e glêsoven wurdt it bakt op 850 graden en dêrnei mei it wurkstik mei nei hûs! www.janhooghiemstra.nl

teater mei tryater

8+

It geheim fan ’e Kânselier is in spannend ferhaal oer in jonge dy’t op syk is nei syn heit. En dy’t ûnderweis fan alles en noch wat tsjinkomt… Foaral himsels. It geheim fan ’e Kânselier is in famyljeproduksje fol humor en muzyk en mei tema’s dy’t jong en âld oansprekke. Spesjale gast yn dy reizgjende aventoerefoarstelling is Piter Wilkens. Sjoch foar ynfo en kaarten op www.tryater.nl

stjerren en planeten Bij een heldere hemel mag je zelf door de grote telescoop kijken om de Maan, planeten en deep-sky-objecten te spotten. De maan in het eerste kwartier is een prachtig schouwspel, op de grens van licht en donker zijn er talloze kraters op het maanoppervlak te zien. Maar ook zonder maanlicht gaat er een wereld vol sterren voor je open. Zelfs bij beestenweer de moeite waard. www.volkssterrenwachtburgum.nl

pimp! Mei syn allen moaie kralen útsykje en dan oan ’e ketting riuwe foar in hip snoer, dêr’t der mar ien fan is. Fynst riuwen echt wat foar famkes, pimp dan in fûgelhúske mei flonkerjende stientsjes en glêsstikkers. Sa kin dyn ‘pimp-mees’ noflik wenje yn syn filla! www.beads-co.nl

15


Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.