heit & mem nr. 2 2021

Page 40

In Fries om utens

Wa bisto en wêr komst wei? Myn namme is Marte Otter, ik bin 36 jier en ik bin berne yn Burchwert. Ik ha in pear jier yn Deinum wenne, wêrnei’t we ferhuzen nei Blessum. Dêr ha ik yn myn middelbere skoaltiid wenne. Ik siet op skoalle yn Frjentsjer, dus dat wie in flink ein fytsen. Wat is dyn memmetaal? Myn memmetaal is Frysk. Us mem is sels yn it Hollânsk grutbrocht en ús heit prate thús Stedsfrysk (Snekers). Tegearre ha se besletten om ús yn it Frysk grut te bringen.

Hoe bisto yn Houten bedarre? Op myn 18e bin ik Sociale Geografie begûn te studearjen yn Utert. Ik spylje sello en bin ûnder myn stúdzje lid wurden fan it Utrechts Studenten Koor en Orkest. Yn it orkest learde ik Andrea kennen. Sy waard myn húsgenoat en letter myn frou. Yntusken ha wy twa bern. De jongste is dizze simmer berne. En ja, ast dan de leafde, in gesin en dyn freonen fûn hast, dan bliuwst hingjen. En dat wylst ik altyd tocht hie dat ik wer werom soe nei Fryslân. Om’t myn frou en ik beide út in doarp komme, woene we wol graach yn in lytser plak wenje as Utert. Dêrom binne wy yn 2014 ferhuze nei Houten. Foar Fryske begripen trouwens mear


Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.