Heit & Mem nr. 1 2021

Page 36

Bijbewust libje je It is in ynsekt, it gûnzet, it is giel mei swart en yn de simmer en de maitiid fljocht it fan blom nei blom. It is de bij! Dat ynsekt soarget der al hiel lang foar dat blommen en planten bestood wurde, wêrtroch’t dy blommen en planten, mar ek fruit, groeie kinne. Mar dy bestowers wurde al sûnt in lange tiid bedrige, troch ferskillende faktoaren.

Romée van der Zee, bijeûndersykster en ymker, wit dêr alles fan. Se hat in protte kilometers makke yn it ûndersyk nei dy spesjale bistjes, omdat se liedingjaande wie by it Europeeske ûndersyk nei huningbijen. ‘Ik ben wetenschapper in honingbijen, dat betekent dat ik alles volg van wat er gebeurt met honingbijen, of er ziektes zijn en waardoor ze sterven.’ De wittenskipster fertelt en docht dat mei in protte passy, omdat se derfoar soargje wol dat bijen better beskerme wurde en in gruttere oerlibbingskâns hawwe op ús wrâld. Op globale skaal nimt de bijestjerte ta, hoe kin dat? ‘Bijen gaan vroegtijdig dood als ze landbouwgif over zich heen krijgen. Er worden dus giffen gebruikt die heel slecht zijn voor de diertjes. Daarnaast kunnen er ook bijenziektes optreden onder de bijenvolken door parasieten, een beetje vergelijkbaar met onze situatie nu.’ Wat kinne wy thús dwaan, om de bijen in hantsje te helpen? ‘Je kunt ervoor zorgen dat bijen gewoon hun voedsel kunnen vinden, door planten neer te zetten in je tuin, of als je geen tuin hebt te kijken of je in een ander gebied iets kunt doen. Bijvoorbeeld planten op je balkon zetten of in een stadstuintje. Daarnaast helpt het laten staan van onkruid. Paardenbloemen zijn geweldig, die honing is niet de lekkerste, maar daar hebben bijen niets mee te maken. Zij vinden het fantastisch!’

Bijepakt Om mear minsken bewust te meitsjen fan de bijestjerte, hat de Afûk it bijepakt tekene. It bijepakt is der om foar oplossingen te soargjen foar de ûnnedige bijestjerte. Yn maart binne bygelyks alle ynwenners fan Blije ferrast mei in hânskreaune kaart mei dêrop in gedicht fan Nyk de Vries (Dichter fan Fryslân) en blommesied fan Cruydt-Hoeck! Om ek bern ‘bijbewust’ te meitsjen, hat de Afûk ‘It Bijeboek’ fan skriuwster en yllustrator Charlotte Milner útbrocht. It boek leit út wêrom’t wy goed foar de bijen soargje moatte.

3 tips om goed voor de bij te zorgen: 1. Plant (biologische) zaden of zet bloemen in je tuin of op je balkon waar bijen op afkomen. 2. Zorg dat wilde bijen in je tuin kunnen nestelen. Zet bijvoorbeeld een bijenhotel neer, zorg voor rommelhoekjes in de tuin. 3. Gebruik geen bestrijdingsmiddelen.


Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.
Heit & Mem nr. 1 2021 by heit&mem - Issuu