heit&mem nr. 2 2019

Page 1

10 jier

gratis & fergees

NR.2 2019

Bedplassen hoeft geen De foarlêshûn Wenje, wurkje en ite op probleem te zijn Buurtgezinnen in frachtskip Heit & heit MEI FOA RLÊSFERH A LEN, DE NI JS TE BERNEBOEKEN, KRE A MK A DOOT S JES EN NOCH FOLLE ME A R...


ADVertentie Kinderopvang in Friesland

Buitenschoolse opvang | Kinderdagverblijf | Peuteropvang | Gastouderopvang

Gewoon geweldig

... wij bieden liefdevolle aandacht en geborgenheid voor ieder kind

Bekijk onze locaties op kidsfirst.nl

Elke dag een mooie dag! • kinderopvang • buitenschoolse opvang • peuteropvang • gastouderopvang U vindt ons op verschillende locaties in de gemeenten Heerenveen, Opsterland, Tytsjerksteradiel, Súdwest Fryslân, Harlingen en Smallingerland. T 0513 - 610 825 M info@kinderwoud.nl

Meer informatie over gastouderopvang vind je op kidsfirstgastouderbureau.nl

Vragen? Bel: 088 – 035 0400

Zwanger?

Maak kennis met de deskundige en persoonlijke begeleiding van Tineke Elzinga en Klaske Lyklema

Met aandacht voor jouw ideeën en wensen Bevallen: thuis of in het ziekenhuis en/of begeleiding in de kraamperiode Spreekuurlocaties: Drachten, Surhuisterveen en Harkema Contact: (0512) - 540 510 info@verloskundigenpraktijkwolkom.nl www.verloskundigenpraktijkwolkom.nl

kinderwoud.nl


snieflok happe, heit ynsjipje, op redens ride, de mûtse op. poeiermolke, spekulaaskes, en in waarm kopke beppesop. Lekker by de kachel sitte. smûk de kearskes oan, in sniepop yn ‘e tún en in wite tekken oer it lân. o winter, do bist sa gesellich gie dit mar nea foarby want winter, do bist

fantastysk wy genietsje sa fan dy! Dieuwke van der Meer

&


ynhâld

NR.2

47

Ciska Noordmans (redakteur) What’s in a name? Hast alle kearen as ik foar heit&mem op paad bin om pakes en beppes te befreegjen oer it ferneamen fan de bernsbern, wurd ik rekke troch de emoasje by dy minsken. De measten binne sa bliid en grutsk! Omdat de famyljenamme trochjûn wurdt, mar foaral ek omdat se it in earbetoan fine. Lykas bern sa graach de erkenning fan heit en mem hawwe wolle yn har fierdere bestean, hawwe heit en mem ferlet fan in skouderklopke fan harren bern. Wat moai dochs dat dy twa dingen meastentiids lykop geane! Dizze kear is Andries ferneamd. Fynst it ferhaal fan grutte (en lytse) Andries op side 47.

Tialda Hoogeveen (tekstskriuwer) Mei leafde Doe’t myn âlders yn 1981 skieden, ik wie krekt sân jier wurden, wiene wy op skoalle dêryn de iennigen. De wrâld om my hinne hie − opperflakkich sjoen − in protte wei fan de Brinta-reklame. Bern yn myn klasse hiene de ynstruksje krigen om dêr net mei my oer te praten. Myn bruorke en susters ha sels meimakke dat oare bern net mei harren boartsje mochten, omdat ús mem it thús allinnich die. Oer it fertriet dat wy dochs al hiene, kaam nóch in laachje fertriet. 38 jier letter binne der hieltyd mear húshâldingen dy’t ôfwike fan de Brinta-reklame. Ta myn ferrassing ûntduts ik by de ynterviews dy’t ik oer dit ûnderwerp dwaan mocht, dat de heiten en memmen net oanrinne tsjin foaroardielen. En mochten dy der noch wol wêze by minsken, dan winskje ik dat sy troch it lêzen fan myn artikel oars tinke sille oer ‘oars’ en ynsjogge dat it eins itselde is. Want úteinlik telt allinnich de kwaliteit by it grutbringen fan bern, en jildt der yn de opfieding mar ien ding, en dat is leafde.

11

Kolofon Korreksje:

Fotografy:

redaksjestatút dat boarch stiet

Losse nûmers:

Ytsje Steen-Buwalda

Hippe kiek fotografie by

foar de ûnôfhinklikheid fan de

Losse nûmers kinne besteld

Redaksje-adres /útjouwer:

Sjoeke www.hippekiek.nl

redaksje.

wurde fia websjop.afuk.frl,

Dizze heit&mem is it twadde

foarsafier op foarried.

Haadredaksje:

www.heitenmem.nl

Dieuwke van der Meer

ynfo@heitenmem.nl

Redaksje-adres / útjouwer:

nûmer dat yn 2019 ferskynd is. ISSN: 1878-4437

Afûk Redaksje:

Printwurk:

Postbus 53

Yn it foarjier ferskynt De

Ciska Noordmans

Senefelder Misset

8900 AB Ljouwert

lytse heit&mem, in útjefte

Hieke Rienstra

www.senefelder.nl

www.afuk.nl

dy’t fia de gemeente yn it

ISSN: 1878-4437

heit&mem kinst ek folgje fia:

Taalkado ferspraat wurdt. ynfo@afuk.nl /

Heit&mem is in meartalich

Thea van der Schaaf

Foarmjouwer:

ynfo@heitenmem.nl

tydskrift en spesifyk rjochte

Utjûn mei stipe fan de

Tialda Hoogeveen

BW H ontwerpers

tel.: 058 - 234 30 70

op âlders mei bern yn Fryslân.

provinsje Fryslân.

Marrit de Schiffart

www.bwhontwerpers.nl

Nynke van der Zee

info@bwhontwerpers.nl

Distribúsje:

by boekhannels, bibleteken,

Marieke Vinckers

tel.: 058 - 213 35 43

Heit&mem wurdt fergees

gemeentehuzen en in protte

ferspraat yn in oplage fan

oare iepenbiere romten. Sjoch

40.000 eksimplaren. Der

foar de ferspriedingslist op

wurdt wurke neffens in

www.heitenmem.nl

Skriuwers:

Tjalling de Vries

Heit&mem is fergees te krijen


26

Dieuwke van der Meer (haadredakteur) Echt, ik kin oeral wol sliepe. Ferfiermiddels binne myn favoryt. As ik efkes myn eachjes tichtdoch en ik hear it ritmyske lûd fan in auto, boat of trein, dan bin ik wier sa ôfreizge. Mar dêr bin ik net unyk yn. Doe’t wy jimme fregen om in foto yn te stjoeren mei as tema ‘lekker koese’, krigen we de grappichste foto’s binnen fan jimme sliepende bern. In protte foto’s fan kroast dat hearlik yn de auto leit te sliepen, mar ek guon fan bern dy’t ûnderweis by heit of mem op de fyts troch it skiepkes tellen yn dreamelân bedarre binne. En dan binne der noch de bern dy’t lekker sitte te koesen yn in winkelweintsje wylst heit en mem oan it winkeljen binne, of dy’t ûnder de dûs yn sliep fallen binne, of gewoan oan de itenstafel, ûnder de kast of samar op ’e grûn... Besjoch alle foto’s op side 26.

Hieke Rienstra (redakteur) Toe no… Noch ien ferhaaltsje? Dy fraach krije wy hast alle jûnen fan ús dochter Yfke (3), en sy sil fêst net de iennige wêze dy’t dat alle kearen gewoan wer besiket. Want foarlêzen wurde is hearlik: rêstich by mem of heit sitte en mei syn twaen eefkes in hiele oare wrâld yn stappe. Alle wiken helje wy wer in nije steapel boekjes út ’e byb, mar ek oan de foarried boekjes thús sil it net lizze. En as dyn mem by de Afûk wurket, binne dat fansels foaral Fryske boekjes. Dat út nij ûndersyk (sjoch op side 16) blykt dat foaral it foarlêzen yn it Frysk belangryk is, klonk my dus wol goed yn ’e earen. En ik moat sizze dat ik der sels ek altyd o sa fan genietsje. Dus… okee, noch ientsje dan!

16

Marieke Vinckers (tekstskriuwer) Wat is de eerste vraag die je stelt aan ouders die hun pasgeboren kindje hebben verloren? De verkeerde. Er is geen goede vraag. Er is alleen het luisteren. Er zijn alleen de tranen die je deelt. Daarna kun je als schrijver alleen nog maar de geschiedenis tekort doen. Hilde, het meisje dat op 1 januari 2019 de aarde weer verliet, wilde ik eren. Bovendien wilde ik haar ouders, Rienk en Coriene, teruggeven wat ze mij hadden gegeven tijdens het interview: hun openheid, hun hele verhaal. Ik wilde het zusje van Hilde, Doety, laten horen. Namelijk: zij leeft! Zij lacht! Zij speelt! En soms huilt zij met haar ouders mee. Als ik iets wens, is het dat dit driedelige verhaal van Rienk en Coriene het taboe doorbreekt om over een gestorven kindje te praten. Het is zwaar, maar geeft ouders troost. Ook als je de juiste woorden niet vindt.

38

ynhâld 04 06 08 10 15 16

Kolofon heit&mem post De foarlêshûn Oars as oars Kollum Abel Reitsma Foarlêzen foar it Frysk belangriker as foar it Nederlânsk 19 Sa prate wy thús 21 Bernepraatsjes 22 Us húshâlding 24 Bedplassen 26 Lekker koese!

4

5

28 Buurtgezinnen 31 Nije boeken 32 Boekresinsjes 33 Fragen oan Lida Dykstra 34 Karlsson op it dak 36 Ik wol sa graach in húsdier ha 38 Hilde's hart 41 Kollum Tjalling de Vries 42 10 leuke dingen om yn ’e hûs te dwaan 44 Wurdkaart winter 45 Tomkeferhaaltsje 47 Ferneamd


Wolsto wat oan ús kwyt? In bysûnder ferhaal, in moaie foto, in goeie tip of gewoan dyn miening ergens oer? Mail it ús of stjoer it op! ynfo@heitenmem.nl

POST

Heit&mem Postbus 53 8900 AB Ljouwert. Of sykje ús op fia Facebook, Instagram, Pinterest of Twitter.

Automatysk Brend (6) en Redmer (4) fleane drok hinne en wer en litte de doarren hieltyd iepenstean. Mem hat har nocht derfan en prottelet: ‘Wolle jimme de doarren achter jimme kont tichtdwaan? Wy binne net yn tsjerke berne!’ Wêrop’t Brend seit: ‘Mar mem, de doarren fan it tsjerke gean automatysk ticht!’

Op de cover Rosanne Kooistra (links op de foto) en Senna Blom (rjochts) binne 8 jier en komme út Akkrum. Se binne buorfamkes én freondintsjes. Tegearre ha se altyd in protte wille. De mem fan Rosanne is fotograaf fan dit heit&mem-blêd en hat de prachtige coverfoto makke. Rosanne en Senna binne gek op snie! Lit de winter mar komme.

Groetnis Nynke de Haan út Surhústerfean

Sprekend!

Claudia Meuwissen (links) en haar zoontje Teun. Allebei 2 jaar.

Jacob Schotanus as lytse poppe by pake Jaap Schotanus op ’e skoat yn 1982. En sjoch dêr lytse Jacob Sytze Schotanus yn ’e tafelstoel yn 2017. Sprekend dochs? De poppen hawwe deselde kopkes. Sa heit, sa soan. Beide meie se dan ek graach timmerje en Jacob Sytze rint gauris mei de boartersarkbak achter hûs om.


Poppe fan de moanne

maaie 2019 Linde Veenstra út Bûtenpost (berne op 23.04.2019)

juni 2019

july 2019

augustus 2019

Lara-Jolie van der Veen út Ingelum (berne op 09.05.2019)

Jelte Roskammer út Jobbegea (berne op 27.05.2019)

Hidde Sipke Woudstra út Damwâld (berne op 22.05.2019)

septimber 2019

oktober 2019

Jurre Gerrit de Haan út Twizel (berne op 31.05.2019)

Jitze Jelmer Bakker út Aldehaske (berne op 23.05.2019)

Bysûndere pakes Hoi heit en mem, Nei oanlieding fan jim opropke ‘Ferneamd’ op Facebook stjoer ik dit stikje yn. Us soan Wiebe Willem is ferneamd nei syn beide pakes. Allinne hawwe de pakes him nea sjoen. Pake Wiebe is yn 2002 ferstoarn en pake Willem yn 2017. Mar wy binne hiel grutsk dat ús soan dy beide prachtige nammen drage mei. It sil wol net gebrûklik wêze om wat te dwaan mei in ferstoarne pake, mar ik koe it net litte om dochs mei te dwaan. Want dy pakes meie nea ferjitten wurde. Dêr binne se te bysûnder foar. Hjirby noch in foto fan ús knappe Wiebe Willem. Sija Koster út Droegeham

6

7

Is dyn poppe, buorfamke, neefke of beppesizzer de moaiste poppe fan de wrâld? Upload dyn foto op www.heitenmem.nl! De poppe mei de measte stimmen kriget in Frysk poppepakket tastjoerd. Dochst ek mei?


Wer fertrouwen yn it lêzen mei de foarlêshûn


Bern kinne om watfoar reden dan ek muoite hawwe mei lêzen. Faak bliuwe de resultaten achter op dy fan leeftiidsgenoaten en wurde bern konstant konfrontearre mei de fouten dy’t se meitsje. It lêzen mei

De hûn hat altyd al in wichtich plak ynnaam yn it libben en wurk fan de susters Yvonne Weijer en Lies Tinga. Tegearre hawwe se it buro Zuss kinder- & opvoedcoaching yn Winsum. It lêzen mei de foarlêshûn is de nijste training dy’t se oanbiede. Yvonne wit noch presys hoe’t de kursus mei de foarlêshûn op harren paad kaam. Se hearde derfan fia in kollega fan har man yn it spesjaal ûnderwiis. ‘“Wat fynsto hjirfan”, frege ik Lies doe’t ik it har foarlei. ‘“Dit is fantastysk”, sei se fuortendaliks. We ha ús dyselde deis noch opjûn foar de kursus.’ Yvonne en Lies sjogge it hieltyd faker om har hinne, bern dy’t wol wat ekstra stipe brûke kinne yn alles wat se leare moatte. Dêrneist wurdt it belang fan lêzen ûnderskat troch in soad âlders, fine de susters. Yvonne: ‘As bern yn it begjin al net meikomme kinne yn it lêzen, dan geane se it ûntwiken. Dan reitsje se hieltyd fierder achterop en kieze se letter miskien wol in hiele oare oplieding as wat se eins woenen. Ast net goed lêze kinst, hat dat ynfloed op in hiel soad dingen yn dyn libben. Goed leare te lêzen freget om tiid en oandacht, en in hûn kin dat mear oan it bern jaan as wy as minsken. Wy hawwe te gau de neiging om te korrizjearjen, of in wearde-oardiel te hawwen oer wat it bern docht. In hûn hat dat net.’ Wat hat dy hûn dan wol, wat de bern stipet by it lêzen? Lies: ‘De waarmte fan it liif fan de hûn en de rêst en de oandacht meitsje dat it bern noflik lêze kin. Yn in eigen tempo, sûnder dat immen ûnderbrekt of ferbetteret. Dat jout it bern it fertrouwen dat it sels lêze kin.’

8

9

Hoe giet it lêzen mei de foarlêshûn yn syn wurken? Earst wurdt de romte foar it lêzen klearmakke. Dat kin sawol by immen thús, op skoalle of by Lies en Yvonne yn Winsum wêze. Sy soargje dat se de romte fan tefoaren goed besjoen en ynspekteard hawwe. Is it dêr rêstich genôch? Rinne der net tefolle minsken lâns? En wichtiger noch: rinne der gjin minsken yn en út de romte? Alles kin ôflieding wêze, foar it bern mar ek foar de hûn. As dat goed besjoen is, rjochtsje se in hoekje yn. In pear kessens, in goed ljocht, in fijn plakje om te sitten. Ek it spesjale foarlêskleed fan de hûn komt derby te lizzen. Dat is in kleed wêrfan’t de hûn wit dat as er dêrop lizzen giet, dat der dan lêzen wurdt. Sa hat de hûn ek in pauzekleed.

‘ De hûn spegelet myn gefoel.’ As it safier is, sykje de bern en de hûn harren plakje, lekker ticht byelkoar. Yvonne en Lies hawwe in trúkje leard om te soargjen dat de hûn in boek nijsgjirrich fynt. As it boek iepengiet en it rûkt ergens nei dat de hûn lekker fynt, dûkt er der fansels fuort mei de noas yn. Dat entûsjasme fan de hûn jout it bern al motivaasje om te lêzen. Lies: ‘Dy hûn dy docht dan wat dat je net sizze kinne, mar allinne fiele. Hy hellet de spanning fuort by it bern. Hy jout in gefoel fan feilichheid, fertrouwen, geduld, in bepaalde enerzjy.’ Yvonne: ‘Dat soarget derfoar dat der gjin druk is by it bern. Dat makket dat it bern ûntspant, plezier hat yn it lêzen, en dêr sjitte de resultaten fan omheech.’

Fansels sjocht Lies of Yvonne op in ôfstantsje mei hoe’t it giet. Lies: ‘Mar we bemuoie ús net mei it lêzen, we dogge krekt of binne we der net. Dat is it geheim. It bern is mei de hûn en sy lêze tegearre.’ Net elke hûn kin foarlêshûn wurde. Perro, de foarlêshûn fan Lies en Yvonne, is dêrfoar sertifisearre en ek de baaskes hawwe in kursus folge. Lies en Yvonne hawwe beide sels ek in soad opstutsen fan de kursus. Lies: ‘Ik haw derfan leard om better te sjen nei de hûn, mar ek nei de bern en nei mysels.’ Yvonne: ‘Ik lústerje noch mear nei de hûn as dat ik al die. Hy spegelet myn gefoel, en dêrtroch kin ik better fertrouwe op dat gefoel. Dat makket dat ik better beslissingen nimme kin. De hûn lit my sjen wat goed is en wat net, krekt sa’t er dat by de bern docht as er by harren leit by it lêzen.’

It lêzen mei de foarlêshûn is geskikt foar bern út groep 3 en 4, en foar bern dy’t op it spesjaal ûnderwiis sitte. Nei in pear sessys fan in healoere sjochst al resultaat. In strippekaart foar 10 sessys is in oanrieder foar wa’t ynteressearre is. Mear witte? Sjoch op www.zusscoaching.nl.

Skriuwer: Thea van der Schaaf Fotograaf: Hippe Kiek fotografie

de foarlêshûn kin de oplossing wêze.


Oars as oars ...en dochs itselde

Ienâldergesin, styfsuskes en -bruorkes, in bonusmem of twa heiten. In húshâlding bestiet al lang net mear altyd út it reklamegesin fan heit, mem en twa bern. Is ‘oars’ it nije ‘gewoan’?

“Wêrom hjitte jimme eins heit&mem”, frege in lêzer lêsten oan de redaksje. Ommers, der binne safolle fariaasjes op it âlderskip tsjintwurdich. Fansels hat elk bern in heit en in mem, dat is biologysk sjoen hiel logysk. Mar hieltyd faker wurde bern grutbrocht yn in oare gearhing. Yn 2016 bygelyks groeide ien op ’e sân bern op yn in ienâldergesin. It gie dêrby yn dat jier om hast 570.000 bern fan nul oant achttjin. Dat binne der yn fergeliking mei it jier 2000 160 mear.

Skriuwer: Tialda Hoogeveen Fotograaf: Hippe Kiek fotografie

Bonusâlders De helte fan de bern fan skieden âlders kriget te meitsjen mei styfâlders. Of miskien moatte wy, de mearkes yn acht nimmend, fan dat wurd ôf en is bonusheit of -mem in sjarmantere titel. Want dat in styfheit net altyd de kwea-aardige heit is út de ferhalen, docht ek bliken út de sifers: mear as fjouwer op de tsien bern sjocht de bonusheit, de nije freon fan mem (of heit!), as heit. Ek in nije groep binne de bern dy’t opgroeie by twa heiten of twa memmen. Trije jier lyn al hie 9 prosint fan de bern in homopear as âlders. Heiten kinne om heit te wurden kieze foar adopsje, in pleechbern of in draachmem dy’t al of net in rol spilet yn it libben fan it bern. Twa memmen kinne dêr de opsje fan in donor oan tafoegje, fia in bekende of fia in spermabank. Hoefolle bern oft adoptearre wurde troch twa memmen of twa heiten, hâldt de Nederlandse Adoptie Stichting (NAS) net by. ‘Mar dat komt regelmjittich foar by de NAS’, witte se te fertellen. Wol bekend is dat yn 2016 300 bern út it bûtenlân adoptearre binne. Foarfjochters In oare kategory froulju dy’t gebrûk makket fan in draachmem of in sieddonor, binne de frouwen dy’t it krijen fan bern lang útsteld hawwe. Koartsein wurdt it tradisjonele gesin mear en mear oanfolle en feroaret it lânskip fan húshâldens yn in mozayk mei nije kleuren en foarmen. De wet hobbelt achter de feroaringen oan en makket regels dy’t bern en âlders dêrby juridysk beskerming biede. Hoe is it foar âlders en bern om ôf te wiken fan de standert? Binne sy dappere foarfjochters, of is it yn de praktyk eins hielendal net sa oars as oars? Heit&mem spruts trije gesinnen dy’t iepenhertich fertelle oer harren persoanlike ûnderfiningen.

Mear witte: Lêze Koning & Koning Der wie ris in kroanprins dy’t gjin nocht hie om te trouwen. Mar dat kin net fansels. As in kroanprins oait kening wurde wol, moat hy troud wêze. Dus gie de âlde keningin, dy’t einlings wolris mei pensjoen gean woe, op syk nei in geskikte partner foar har soan. Stern Nijland & Linda de Haan, uitgeverij Heerlijk Lance & Lot zoeken zich rot Ridder Lance en ridder Lot binne tige lokkich tegearre. Dochs ûntbrekt der wat yn harren grutte kastiel. Mar wat of wa …? In printeboek nei it wiere ferhaal fan Tim en Steven, adopsjeheiten fan Bas en Jasper. Linda de Haan, Uitgeverij Ploegsma Sjen Yn de dokumintêre Wij willen ook een kind giet programmamakker Mirella van Markus op syk nei de meast ideale konstruksje om tegearre mei har frou Claudia in bern te krijen. www.2doc.nl/ documentaires/w/wij-willen-ook-een-kind.html Websiden Platfoarm foar holebi’s mei in bernewinsk www.meerdangewenst.nl Nederlandse Adoptie Stichting www.nederlandseadoptiestichting.nl Pleechbern https://jeugdhulpfriesland.nl/

(sifers: Centraal Bureau voor de Statistiek)

https://pleegzorg.nl


mem & mem In soad minsken hâlde fan de bern fan Grietje en Ellen Grietje (35) en Ellen (35) hawwe beide in bern fan deselde donorheit. Soan Bram (3) waard droegen troch mem Grietje. Mama Ellen hie harren dochter, lytse poppe Robin (0), njoggen moanne by har. Grietje: ‘Wy hawwe in keningskoppel út twa keizersneden!’ De winsk om mem te wurden wie der al jierren. Yn it begjin gongen de tinzen út nei swanger wurde fia in spermabank. Ellen: ‘Dat is relatief anoniem, wij dachten toen dat dat bij ons paste.’ Mar neffens dat sy it der mear oer hienen, krigen se dochs muoite mei just dat anonime stikje. ‘Ik heb met mijn beide ouders een goede band’, seit Ellen dêroer. ‘Als je weet wie je ouders zijn, dan ken je je geschiedenis.’ Mear en mear skoden de gedachten op nei swanger wurde fia in kunde. De twa hiene in freon yn gedachten, him soene sy it aventoer tabetrouwe. Ellen: ‘Wij hebben hem uitgenodigd voor een etentje. Hij merkte aan alles dat wij zenuwachtig waren. “Vraag het nou maar gewoon”, zei hij op een bepaald moment. Toen kwam het hoge woord eruit en antwoordde hij met een volmondig “ja!”.’ Mar dêrmei wie it net fuortendaliks klear. Grietje: ‘Bepraat it wol earst goed mei freonen en famylje, drukten wy him op it hert. Syn omjouwing stie achter it plan, mar se advisearren him alles goed fêst te lizzen. Sa kamen wy telâne by in notaris yn Volendam, ien dy’t spesjalisearre is yn dit soarte ôfwikende situaasjes.’ ‘Bram praat thús wol oer de heiten fan de bern op it bernedeiferbliuw. Dat is foar ús in moai momint om yn te heakjen op it ûnderwerp. Eins hawwe wy him fan jongs ôf oan dúdlik makke wa’t syn heit is.’ Want hoewol net juridysk, de heit spilet al in rol yn it libben fan de bern. ‘Hy komt hjir noch altyd gewoan as freon. Syn âlders, de pake en beppe fan ús bern, binne ek gek op Bram en Robin. Op dizze manier hawwe ús bern noch mear minsken om harren hinne dy’t fan harren hâlde.’

10

11


heit & heit Een draagmoeder maakte twee vaders

Dat in bern likegoed yn in hert groeie kin as yn in búk, bewize Rick (31) en Nick (34). In draachmem ferfolle harren hertewinsk, sy waarden heit en heit. ‘Het heeft allemaal zo mooi uitgepakt.’ Als Nick en Rick spraken over het ouderschap, beseften ze dat de opties voor hen als homoseksueel stel beperkt waren tot adoptie, draagmoederschap of pleegzorg. Hun eerste gedachten gingen uit naar adoptie. Nick: ‘Dat bleek heel onzeker en kostbaar. Het is een log proces met allerlei onderzoeken en bijeenkomsten.’ De twee schoven hun vaderwens opzij en hadden daar vrede mee. Toch bleef het op de achtergrond kriebelen. Een vriendin van hen liet meermalen weten dat zij draagmoeder wilde zijn voor de mannen, een aanbod waarmee het vaderschap toch weer in beeld kwam. Nick: ‘Ze zei: “Wij gunnen jullie een kind.” Haar man stond ook achter het voorstel. Ze hadden al twee kinderen, vonden hun gezin compleet zo, maar zij wilde wel heel graag nog een keer zwanger zijn.’

Rick Kiebert & Nick van den Bos

Toen de twee na vele gesprekken ingingen op het aanbod, volgde een lange zoektocht naar de praktische en juridische aspecten van dit atypische pad richting ouderschap. ‘Er is nog geen wet- en regelgeving voor dit soort situaties.’ Tijdens de zwangerschap die volgde, waren de twee aanstaande ouders aanwezig bij alle echo’s en afspraken met de verloskundige. Ook waren ze erbij toen Jolijn geboren werd. ‘We hadden afgesproken dat onze dochter na de bevalling bij de draagmoeder zou komen te liggen. Wanneer zij eraan toe was, kregen wij haar op onze borst. Dit moment voelde onbeschrijflijk.’ Met zijn vieren overnachtten ze in het ziekenhuis. De volgende ochtend volgde het moment van afscheid. ‘Voor ons allemaal een bijzonder en beladen moment. Maar het voelde goed.’ Zodra Jolijn vragen gaat stellen over haar afkomst, zullen ze haar open en eerlijk het hele verhaal vertellen. ‘De draagmoeder komt hier nog altijd gewoon als vriendin over de vloer! We sturen haar foto’s van Jolijn. Als een bijzonder soort tante kijkt ze mee.’ Hoewel de draagmoeder de twee vaders graag nog eens zou helpen, zien de mannen af van een tweede kind. ‘Het is een te intensief traject. Het is goed zo. We hebben een mooie dochter. Dat het allemaal zo mooi zou uitpakken, hebben we nooit durven dromen.’


mem Christianne docht it dapper allinnich

Neidat har eks foar de nije leafde nei Seelân ferhuze, bringt Christianne (39) harren twa dochters allinnich grut. ‘It is wolris fermoeiend, mar ik fyn it net slim om it allinnich te dwaan.’ ‘Twa jier lyn bin ik skieden fan de heit fan ús bern Lynn (7) en Fleur (4). Ik bleau allinnich achter, neidat hy fereale rekke op in oar. Trochdat myn eks fier fuort wennet, wie ko-âlderskip gjin opsje. De bern en hy sjogge inoar ien kear yn de trije, fjouwer wiken. Troch de ôfstân is it lestich foar de bern om in bân op te bouwen mei harren heit. Hy kin net foar in krûpke efkes nei se ta. De âlderjûnen komme ek, lykas de measte dingen, op my del. Mei leafde hear! Fansels hie ik it oars foar eagen. As je foar bern kieze, kieze je derfoar om dat tegearre te dwaan. Mar byinoar bliuwe en net lokkich wêze, dat kin ek net de bedoeling wêze. Ik kin him net tsjinhâlde om syn gefoel te folgjen, al hie ik wol leaver hân dat hy yn ’e buert wenjen bleaun wie.

‘ It measte komt op my del, mei leafde hear!’ Nettsjinsteande de situaasje binne wy goed útelkoar gien. Ik bin mei de bern fan Skarsterbrêge nei Dokkum gong, it plak dêr’t ik wei kom en dêr’t myn âlders noch altyd wenje. Dat hat in goede kar west. Fleur wit net better as dat se mei my en Lynn allinnich wennet. Mar Lynn wit noch dat sy mei papa en mama en har suske ûnder ien dak libbe. Sy hat dêr emoasjes by, sy mist papa. It leafst sjocht sy ús wer tegearre. Gelokkich hawwe wy in goede bân, se fertrout my en wy prate sa faak as nedich is. Ek ha ik help fan maatskiplik wurk foar har oanfrege, ik wol net dat sy letter problemen kriget troch de skieding. Dat it goed giet mei de bern is foar my it wichtichste. “Se strielje wol, út ’e eachjes wei”, seit ús mem. Dat docht my goed.’

12

13


ADVertentie

Fergees te downloaden foar tablets: 4 Frysktalige, ynteraktive e-books! De e-boekjes oer Rinze de Kikkert binne boartlik, leuk en learsum en sitte fol mei ynteraktive eleminten. Kinst de ferhaaltsjes sels foarlêze, mar se kinne ek ôfspile wurde. Belibje grappige aventoerkes mei Rinze de Kikkert en lear Fryske wurdsjes mei Rinze’s AaBee! De e-boekjes binne geskikt foar sawol de iPad as Androidtablets. Rinze op reis | Rinze syn jierdei | Rinze’s AaBee | Rinze is gek op wetter

www.rinzedekikkert.nl

4+


MOE VAN DE SLAAPVRAAG Slaapt ’ie goed? Een veelgestelde vraag aan ouders. Wat moet je nou eigenlijk met deze vraag en waarom is hij zo belangrijk? Altijd als ik deze vraag hoor, begin ik mij spontaan te schamen. Het antwoord is namelijk heel simpel: nee. Of eigenlijk: nee, totaal niet. Ik voel me ter verantwoording geroepen en dat zou helemaal niet zo hoeven zijn. Dan de herkomst. Ik snap nooit zo goed waar deze vraag precies vandaan komt. Is het welgemeend? Zo ja, wat doe je vervolgens met de gegeven informatie? Of is het een sociale beperking, zoiets als het ‘weerpraatje’? Als we niet weten wat we moeten vragen, dan maar zoiets. Anderzijds snap ik het ook wel, want wat moet je anders vragen over een baby. Eten, poepen, piesen en slapen ... dat is het ook wel zo’n beetje. Terug naar ons huishouden. Drama dus. Lucius is twee en een half (sommige mama’s zeggen 30 maanden, irritant, aangezien ik geen held ben in hoofdrekenen) en heeft twee jaar lang slecht geslapen. Huilen of zomaar gewoon gemiddeld zes keer per nacht wakker, verre van ideaal dus. Lange dagen, korte nachten, lange tenen en korte lontjes. U snapt de gevolgen: stress, vermoeidheid, irritatie en spanning. Alles lijdt eronder, maar dat wil je niet laten merken − op Facebook en Instagram moet het goed lijken natuurlijk. Zalfjes, kruiden, olie, massages, therapie, osteopathie, vervangen van het matrasje: niks mocht baten. Maar toen ineens kwam daar de verandering en de ommekeer! Een wereld ging voor ons open. De oplossing is eindelijk daar! Hij ligt bij ons in bed. Als je dit dan vervolgens aan mensen mededeelt, zie je ze kijken met exact datzelfde onbegrip als bij de eerste vraag: dat is ook niet goed. Dat moet je afleren. Nog een ongemakkelijk moment in dit toch al vervelende vraaggesprek. Mijn functioneren als ouder wordt aan de kaak gesteld, want ook hierin hebben mijn vrouw en ik klaarblijkelijk de verkeerde keuze gemaakt in de ogen van de gesprekspartner. Vanwaar dit oordeel? En wie ben jij om daar überhaupt iets van te vinden? Elk gezin heeft een manier gevonden, doet het op zijn manier, en elk kind is uniek. Daar ben ik ook achter gekomen, inmiddels. Wederom terug naar de praktijk, Lucius slaapt nu door en wij hebben ook rust. Beter voor hem, voor ons, voor onze banen en voor onze relatie. Klaar toch? Wat de toekomst brengt, dat zien we dan wel. Als we dit twee jaar hebben kunnen overleven, dan zal die uitdaging om hem weer naar zijn eigen bed te dirigeren ook wel te doen zijn.

‘ De oplossing is eindelijk daar! Hij ligt bij ons in bed.’

Oordeel dus minder, is mijn advies. Ouders met goed slapende kinderen behoren tot een select gezelschap van gelukzaligen. Leuk en interessant nieuwtje: Lucius heeft net een broertje gekregen, here we go again?!

14

15

Abel Reitsma Partner van Jacqueline en papa van Lucius en Philemon


Skriuwer: Hieke Rienstra

Foarlêzen is foar it Frysk belangriker as foar it Nederlânsk


Wolst dat dyn bern it Frysk meikrije? Dan kinst se it bêste safolle mooglik yn it Frysk foarlêze. Ut nij ûndersyk fan Evelyn Bosma fan de Universiteit Leiden blykt dat foarlêzen ien fan de belangrykste dingen is om te dwaan om dyn eigen taal oer te dragen oan dyn bern. Lêsto dyn bern thús yn it Frysk foar? Hjir eefkes in skouderklopke foar dy.

Evelyn en har kollega Elma Blom fan de Universiteit Utrecht hawwe yn de ôfrûne jierren in soad gegevens sammele fan in groep bern yn Fryslân. Hoefolle Frysk en hoefolle Nederlânsk wurdt der praten yn de omjouwing fan de bern? Wurdt der thús foarlêzen en hoefolle? Hoe faak is dat yn it Frysk en hoe faak yn it Nederlânsk? Sjogge bern Fryske en/of Nederlânske telefyzje? Ek meat Evelyn hoe’t it der mei de wurdskat en grammatika fan de bern foar stie.

‘ Wurdskat, wurdopbou en grammatika is better by bern dy’t in soad foarlêzen wurde.’ Foarlêzen hat mear effekt as telefyzje sjen Wat elkenien fansels al lang wit, waard nochris befêstige troch de konklúzjes fan it ûndersyk: foarlêzen is goed foar de taalûntwikkeling. Bern dy’t in soad foarlêzen wurde, hawwe in bettere wurdskat, wurdopbou en grammatika. It effekt fan foarlêzen op de taalûntwikkeling komt boppe op it effekt fan de algemiene taalinput thús. In soad yn it Frysk prate mei de bern bliuwt belangryk: hoe mear Frysk oft in

16

17

bern thús heart, hoe better oft dat is foar de taalûntwikkeling. Wurdt der dan thús ek noch yn it Frysk foarlêzen, dan is dat ekstra goed foar de taalûntwikkeling. Evelyn tinkt dat dat komt om’t de ferhalen út in boek soarchfâldich gearstald binne en út mear wurden bestean as in ferhaal datst sa fertelst. ‘Troch in boek foar te lêzen krije bern mear wurden mei, faak krekt wat oare wurden as datst yn it deistich libben brûkst, en ferpakt yn de goede grammatikale konstruksje. Better kinst it net krije.’ Ynteraksje belangryk In oare belangrike ferklearring dy’t Evelyn hat foar it sukses fan foarlêzen, is de ynteraksje dy’t je hawwe by it tegearre lêzen fan in boek. ‘Om’tst tegearre mei taal dwaande bist, hat in bern mear profyt fan dy taalaktiviteit. Hielendal ast ek noch fragen stelst oer it ferhaal en sa mei-inoar yn petear giest. Safolle mooglik prate is fansels it alderbelangrykste, de ferhalen en ôfbyldingen út in boek binne moaie ûnderwerpen om it oer te hawwen.’ Telefyzje sjen hat gjin positive effekten op de taalûntwikkeling. ‘It hie ek gjin negative effekten hear, mar de ynteraksje dy’tst mei foarlêzen wol hast, is der mei telefyzje sjen

hast net en dat hat dêrtroch dus wierskynlik minder ynfloed op de taalûntwikkeling,’ leit Evelyn út.

‘ Foaral foar de Fryske taalûntwikkeling is foarlêzen belangryk.’ Frysk of Nederlânsk? In opfallende konklúzje dy’t ek út it ûndersyk nei foaren komt: foarlêzen yn it Frysk docht mear foar de Fryske taalûntwikkeling as foarlêzen yn it Nederlânsk foar de Nederlânske taalûntwikkeling. Bern dy’t in soad foarlêzen wurde yn it Nederlânsk hawwe in bettere wurdskat, mar bern dy’t in soad yn it Frysk foarlêzen wurde, hawwe dêrneist ek noch in bettere grammatika. Evelyn tinkt dat dat komt trochdat it Frysk it mear fan de thússituaasje hawwe moat. ‘Bûtendoar is der dochs mear Nederlânske input, de Fryske taalûntwikkeling fan dyn bern is dus ôfhinkliker fan wat der thús oan it Frysk dien wurdt.’ Hoechst dyn bern ek net Nederlânsk foar te lêzen om’tst bang bist foar in achterstân yn it Nederlânsk. ‘It Nederlânske oanbod is sa grut, dat krije se dochs wol mei. Just foar in minderheidstaal lykas it Frysk is foarlêzen belangryk. En dus ek effektyf!’


1 Kies in geskikt boek foar de leeftiid fan dyn bern. Kies leaver in bytsje in te dreech boek as in te maklik boek, sa bliuwt it útdaagjend. Freegje eventueel yn de biblioteek om help.

2

Lês stadich en artikulearje goed. Gekke stimkes binne leuk, mar net perfoarst nedich.

3

Safolle mooglik út it foarlêzen helje? Brûk dizze tips!

4

Tinkst dat dyn bern in wurd te dreech fynt? Wiis it plaatsje oan dêr’t it om giet, lis it wurd út of jou in foarbyld.

6

Foar de hûndertste kear Tomke? Foar dysels wurdt in boekje op in gegeven momint saai, mar foar bern is werhelling belangryk en fertroud.

Stel fragen: Wat soe er no dwaan? O, o, hoe moat er no wer nei hûs? Troch fragen te stellen wurde bern nijsgjirrich nei de rest fan it ferhaal en wurde se oan it tinken set.

Jou dyn bern ûnder it lêzen de kâns om te reagearjen. Troch dêr koart op yn te gean, leit dyn bern ferbiningen yn it ferhaal.

7

5

Hâld it leuk! Tegearre lêze is goed foar sawat alles, mar fansels ek gewoan lekker en ûntspannend. Meitsje der in moai momint fan.


Marrit: ‘Doe’t ik yn ferwachting wie fan Liv, wist ik fuort dat ik Frysk tsjin har prate woe. Thomas wie it dêr wol mei iens, want in ekstra taal is altyd meinommen.

der ek hieltyd mear Nederlânsktalige wurden yn har fokabulêre foarkomme. Dan seit se ynienen fan “slapen” yn stee fan “sliepe” of “to sleep”. Se pakt de wurden hiel gau op.

Thomas komt sels fan Washington, DC. Hy hat no in kapperssaak yn Grins, dêr’t hy ek altyd Ingelsk praat mei de klanten. Hy hat noch twa dochters út in earder houlik yn Grins wenjen, dêr praat er altyd Ingelsk tsjin en dat woe er mei Liv ek wer graach dwaan.

Thomas syn âldere dochters binne no 17 en 19 en sy prate no altyd Nederlânsk tsjin him. Hy hopet dat er mei Liv wat konsekwinter wêze sil en dat Liv altyd Ingelsk tsjin him praten bliuwt. Ik bin dêr ek wol prinsipieel yn. It Nederlânsk sil aanst hieltyd mear de oerhân krije yn Liv har libben, mar ik wol echt dat se altyd Frysk tsjin my praten bliuwt. Want Frysk is úteinlik de memmetaal fan my en myn famylje, en fielt it meast fertroud.

Doe’t Liv berne waard, hie Thomas yn it begjin wol wat muoite om it Frysk te ferstean. Mar no ferstiet er alles as Liv en ik mei-inoar prate. Marrit Hiemstra (29) wennet mei har freon Thomas (48) en harren dochter Liv (2) yn Grins. Marrit is Frysktalich grut wurden en Thomas Ingelsktalich. Dochter Liv bringe se trijetalich grut.

18

19

Liv hat der gjin muoite mei om beide talen neistelkoar te learen. Se wit dat bygelyks de kleur “red” by heit heart en “read” by mem. Wy fernimme wol dat, no’t Liv nei de opfang giet,

Mar se makket fansels altyd noch har eigen kar. Want my, har Fryske memmy, neamt se “mama” en har Ingelske daddy neamt se steefêst “heit”.’

Skriuwer: Dieuwke van der Meer Fotograaf: Hippe Kiek fotografie

Sa prate wy thús


ADVertentie

Fries leren? groepscursus of zelfstudie

afuk.frl • 058 234 30 79


BERNEPRAATSJES

Hieke (7) har mem krijt ynkoarten wer in baby. As Hieke in ierdbeitoetje iepenmakket, treft se it net: ‘Mem! Der sit allegear fruchtwetter op!’

Hat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei ynfo@heitenmem.nl.

Niels Pieter fûn in deade mich op de grûn. Mem sei: ‘Dy mich is dea, smyt mar yn ’e prullebak.’ Mar dêr is Niels Pieter it net mei iens: ‘Nee mem, der moatte nije batterijen yn.’

Johannes (6) oan ’e ein fan desimber: ‘Mem, ik ha écht eksotysk folle playmobil!’

Een leerling van groep 3 vertelde Mem is yn ferwachting en lit lytse

wat hij graag voor Sinterklaas

Hindrik oan de búk fiele. Mem leit út:

wilde: ‘Zo’n hele snelle racebaan

‘Sjoch, hjir fielst it kontsje.’ Wêrop’t

die wel 6 loempia’s maakt!’

Hindrik seit: ‘Mem! Ik fiel de pamper al!’

Elbrich (5) hat in nij Lego Friends hûs: ‘Sjoch mem, der sit ek in opslotsje by!’ (Kaai) Imre (2) sjocht in sike-auto riden en freget: ‘Wêr giet dy muzykauto hinne?’

Rick (5) hat gjin nocht om nei skoalle. ‘Ik ha sa’n pine yn ’e holle! Mar gelokkich fiel ik dêr neat fan…’

20

21


Skriuwer: Marrit de Schiffart Fotograaf: Hippe Kiek fotografie


Us húshâlding

Wenje, wurkje en ite op frachtskip Anita In húshâlding runne op it lân én op it wetter… Marit Engwerda (24) en Albert Zwerver (33) dogge dat. Mei soan Aaltsen (2) en hûntsje Barry wenje se troch de wike op harren 105 meter lange binnenfeartskip. Wykeins binne se thús yn Wergea.

De haven fan Koatstertille, woansdeitemoarn 9.30 oere. Binnenfeartskip Anita, folladen mei sân, wurdt lost foardat de reis fierder giet nei Amsterdam. De famylje Zwerver − yn maaie sille Albert en Marit trouwe − fart troch hiel Nederlân. Sa no en dan komme se ek yn Dútslân of België. ‘Foardiel fan dit libben is dat wy as gesin in soad tiid mei-inoar trochbringe’, fynt Albert. ‘It is moai om altyd sa ticht by Aaltsen te wêzen yn syn earste libbensjierren. Oerdeis bin ik op it skip oan it wurk, mar Marit en Aaltsen komme gauris yn ’e stjoerhutte en ik kom tuskentroch ek wol yn ’e hûs.’ Dat hûs is net in lyts hokje, mar in folsleine wenning oan board, mei in wenkeamer/keuken, twa badkeamers, fjouwer sliepkeamers en in waskhok. Marit: ‘It is in fijn plakje. Dat moat ek wol, want Aaltsen en ik bringe hjir in soad tiid troch. In skippersbern kin net samar bûten boartsje.’ As Aaltsen wol bûten boartet, docht er dat op in spesjaal boartersplakje. In soarte fan koai op it dek mei in sânbak deryn en in skommel deroan. Fan ’t simmer stie der ek in swimbadsje yn. Jongesdream Albert wist as lyts jonkje al dat er letter op in skip wurkje woe. ‘Ik leau dat ik yn groep 5 siet doe’t ik it foar it earst tsjin ús heit en mem sei. Op myn 14 de begûn ik op it Noordzee College, no bekend as de Maritieme Academie, yn Harns, en farde ik foar it earst.’ Marit, foarhinne wurksum yn ’e berne-opfang, fart sûnt fjouwer jier. Se folge de oplieding ta stjoerman en kin dus sels ek farre. ‘Ik seach in libben op it wetter fuort sitten doe’t ik Albert seis jier lyn moete. Ik fûn alles mega ynteressant. Sûnt Aaltsen der is wurkje ik net mear mei, dat is net te dwaan mei sa’n lytsen, mar ik doch de administraasje noch wol.’

22

23

Sneins boadskipje Thús yn Wergea hawwe Marit en Albert in grutte freoneploech. En dan is der ek noch de famylje. ‘It is dreech om ús sosjale libben op peil te hâlden, om’t wy alles op sneon dwaan moatte’, fertelt Albert. ‘Freeds binne wy faak let thús en sneintemiddeis dogge wy foar de hiele wike boadskippen en ride wy wer nei it skip ta.’ Marit is it mei him iens: ‘Wy ha it yn ’e wykeinen faak smoardrok mei ús sosjale libben. Dat is fansels hartstikke leuk, mar no’t Aaltsen der is, fernim ik dat ik wykeins ek wolris gewoan thúsbliuwe wol.’

‘ In skippersbern kin net samar bûten boartsje.’ Ofspraken lykas it konsultaasjeburo plant Marit faak op moandeis. Dêrnei rydt se nei Albert ta, hoopjend dat er net oan ’e oare kant fan it lân sit. ‘Mei Aaltsen derby merke wy dat it skipperslibben net altyd mear like praktysk is’, seit Marit. ‘Aaltsen syn frijheid is beheind en hy boartet net faak mei oare bern. Dêrom fine wy it belangryk dat er aanst wol nei de pjutteskoalle ta giet.’ En dus sille Marit en Aaltsen fan jannewaris ôf wer fulltime thús wenje. Marit: ‘Dan wurdt it wer “latten” en komt ús húshâlding der wer hiel oars út te sjen!’


Bedplassen hoeft geen probleem te zijn


plassen. Machteloze ouders, gebroken nachten, verdrietige kinderen die niet op schoolkamp durven … Bedplassen brengt soms heel wat frustraties teweeg achter de voordeur. Hoe gaan gezinnen hiermee om?

‘Mem, ik ha wer yn bed pisse.’ Carina de Vries (39) is jarenlang vaak wakker gemaakt door haar zoon Jurre (13). Midden in de nacht stond ze zijn bed weer te verschonen, maar het ergste vond ze om te zien hoe verdrietig haar zoon ervan werd. Vooral toen zijn jongere zusje zonder pamper kon slapen. ‘Dat wol ik ek’, zei Jurre. Hij schaamde zich ervoor. Carina: ‘Toch heeft hij het een keer verteld aan zijn vriendjes. Dat was op de terugweg van een schoolreisje, bij mij in de auto. Het gesprek ging over bedplassen. “Myn suske hat noch in pamper om”, zei de een. “Dy fan my ek”, zei een ander. Jurre vertelde dat hij dat ook nog wel had. De kinderen reageerden door te lachen, wat een logische reactie is. Ik hielp hem door te zeggen dat het heel knap is om zoiets te vertellen en dat zij hem verdrietig maken door erom te lachen. Ze draaiden gelukkig bij en begonnen heel serieus vragen te stellen. Heel bijzonder.’ Blaas trainen Na veel ‘zelf dokteren’ zijn Jurre en zijn moeder op een gegeven moment naar de plaspoli in Drachten gegaan. ‘Daar zijn we heel goed begeleid. Het probleem bij Jurre was dat hij ’s nachts heel diep slaapt en dat hij daardoor niet merkte dat hij in bed plaste. Bovendien heeft hij een kleine blaas. Daarom kregen we niet alleen een plaswekker, maar de dokter leerde Jurre ook hoe hij zijn blaas moest trainen. Bijvoorbeeld door juist meer te drinken. Zo leerde hij zich er bewust van te worden dat hij ’s nachts naar de wc moet gaan als dat nodig is’, vertelt Carina. Sinds afgelopen zomer is Jurre ’s nachts droog. Een hele opluchting voor moeder en zoon. Wat Carina van alle adviezen heeft geleerd? ‘Het heeft geen zin om kinderen ’s avonds naar de wc te brengen terwijl ze in diepe slaap zijn. Wij hebben heel veel gehad aan de dokter van de plaspoli. Maar het

24

25

belangrijkste wat ik geleerd heb, is: niet boos worden als je kind in bed plast, want dat werkt averechts.’

‘ Vijftien procent van de kinderen van vijf jaar plast ’s nachts nog weleens in bed.’ Zoektocht Ingrid Winkel van GGD Fryslân bevestigt dat het geen zin heeft om boos te worden en kinderen te straffen als ze in bed plassen. Winkel is jeugdverpleegkundige voor kinderen in de basisschoolleeftijd en is binnen de GGD samen met collega Tiny Voolstra aandachtsfunctionaris op het gebied van bedplassen. ‘Vijftien procent van de kinderen van vijf jaar plast ’s nachts nog weleens in bed. Dat is heel gewoon en gaat meestal vanzelf over. Als het rond hun zevende jaar nog steeds gebeurt, is het een goed moment om ons in te schakelen voor begeleiding’, legt Ingrid Winkel uit. ‘Wij bespreken dan met de ouders hoe groot het probleem is en hoe ze het kind het beste kunnen helpen. Een enkele keer is het beter als het kind eerst bij de huisarts of jeugdarts langsgaat, om lichamelijke problematiek uit te sluiten. Vaak blijft de oorzaak van bedplassen onduidelijk. Sommige kinderen zijn moeilijk te wekken, bij anderen zit het bedplassen in de familie. Maar dat betekent gelukkig niet dat we er niks aan kunnen doen.’ Plaswekker Bij zeventig tot tachtig procent van de kinderen vanaf zeven jaar blijkt een plaswekker een goede oplossing te zijn. Als een kind goed gemotiveerd is, kan het daar ook al op 6-jarige leeftijd mee beginnen. Ingrid: ‘Wij kunnen

advies geven over welke plaswekkers geschikt zijn en hoe je deze moet gebruiken. Het is ook belangrijk om dit vooraf goed met het kind te bespreken. Zij slapen met een onderbroekje aan dat draadloos in verbinding staat met de wekker. Zodra er urine in het broekje komt, gaat het alarm af. Bij langer gebruik van de wekker zal het kind steeds eerder reageren op het signaal. Uiteindelijk – meestal na ongeveer twee maanden − worden ze wakker voordat de wekker gaat en zijn ze ’s nachts droog. Soms hebben ze later een terugval, dan kun je de plaswekker opnieuw gebruiken. Je zult zien dat de plaswekker daarna sneller zal werken.’ Schoolkamp ‘Meestal komt het goed’, stelt Ingrid Winkel. Maar soms is het probleem hardnekkig en wordt het kind via de huisarts of jeugdarts doorverwezen naar de plaspoli, zoals Jurre in het bovenstaande verhaal. Daar is de begeleiding intensiever. Oudere kinderen vinden het bedplassen vooral vervelend als ze bijvoorbeeld op schoolkamp gaan. ‘Wij adviseren in dat geval speciale pilletjes waardoor ze ’s nachts minder urine produceren. De huisarts kan deze medicijnen voorschrijven. Dit is een tijdelijke oplossing die het kind zelfvertrouwen kan geven. Maar het is ook handig om het als ouder even met de leerkracht te bespreken’, zegt de jeugdverpleegkundige. Zij merkt dat bedplassen nog steeds een taboe is. ‘Dat is jammer, want het komt zoveel voor. In iedere schoolklas zitten wel één of twee kinderen die er nog last van hebben. Het is goed om er thuis over te praten. Laatst was er zelfs een jongen die zijn spreekbeurt in groep 7 over bedplassen durfde te houden. Een prachtige manier om het onderwerp bespreekbaar te maken.’

Skriuwer: Klasina van der Werf

Het komt vaker voor dan je denkt: iets oudere kinderen die nog in bed


Lekker Koese! Taeke Harmen Bokma (2)

Ties van der Zwaag (2)

út Smelbrêge

út Stiens

Hidde de Vries (4)

Anoek Hiemstra (8)

Harwin Postma (op foto

Lisa Smid (1,5)

út Sint-Jânsgea

út Stiens

6 moanne, no 6 jier) út Dokkum

út De Westereen

Jildou & Faera Douma (3 & 1)

Siem Bierma (4)

Thijmen Schotanus (3)

Bente Hindrikje Zuidema

út Rinsumageast

út it Hearrenfean

út de Lemmer

(5 moanne) út Kollum


Yn in winkelweintsje, op de fyts, ûnder de kast, oan tafel, ûnder de dûs of gewoan op ’e grûn. Guon bern kinne oeral wol yn sliep falle. Lekker koese!

26

Hanna Bakker (2)

Wietse Veenstra (3)

út Koudum

út Damwâld

Elske Stellingwerff (2)

Niek Dijkstra (10 moanne)

Oscar van Wieren (2)

Wigle en Jimte Visser

út Ljouwert

út Marrum

út Ljouwert

(doe 4 en 5) út Wâldsein

Daan Groos (3)

Dex van den Berg (2)

Marten Turkstra (1)

Jildou en Marije de Boer (2)

út Dronryp

út Akkrum

út Kollumersweach

út Mantgum

27


‘ Buurtgezinnen’ jout bern in waarm plakje

Skriuwer: Nynke van der Zee


Fleurich boartet Haley (8) bûten yn de tún. Wa’t net better wit, tinkt dat it famke by it gesin fan Liesbeth Bos-van Leeuwen út Drachten heart. Dochs is Liesbeth net de mem, en ek net de gastâlder of buorfrou. ‘Wij zijn een steungezin’, laket se. ‘Wij helpen andere gezinnen, gewoon door er te zijn wanneer dat nodig is.’ En krekt dat is de missy fan Buurtgezinnen: in waarm plakje foar elk bern, sadat bern feilich en sûn by har eigen âlden grut wurde kinne.

28

29


‘ Der binne safolle minsken dy’t help nedich ha, hoechst dy net te skamjen.’

Yn oktober ferline jier gong Sjikke Jansma, koördinator Buurtgezinnen yn de gemeente Smellingerlân, oan de slach mei it inisjatyf Buurtgezinnen. ‘Buurtgezinnen hat as doel om elkoar te helpen wannear’t dat nedich is’, leit se út. ‘Eartiids wie it hiel gewoan dat elkenien yn in doarp wat om elkoar tocht. Mar hjoed-de-dei stean hieltyd mear heiten en memmen der allinnich foar. Dat kin bêst dreech wêze, bygelyks ast siik bist en tagelyk de soarch foar in bern hast of nimmen hast om op werom te fallen. Foar dy saneamde “vraaggezinnen” sykje wy in “steungezin”, in famylje dy’t helpt as dat nedich is.’ Gesinsgearwurking As koördinator bringt Sjikke ‘steungesinnen’ en ‘fraachgesinnen’ mei elkoar yn kontakt. ‘Ik keppelje it oerbelêste gesin oan in stabyl en opfoedfeardich steungesin. Allerearst ynventarisearje wy de ferwachtingen, winsken en mooglikheden fan beide gesinnen. En as it klikt en beide famyljes wolle derfoar gean, dan meitsje wy dúdlike ôfspraken oer wat se fan elkoar ferwachtsje kinne. Sa wurdt it in soarte fan “gesinsgearwurking”, wat hiel goed wurket yn de praktyk.’ Eksakt in jier nei de start fan Buurtgezinnen yn Smellingerlân hat Sjikke al ferskate fraachgesinnen oan in steungesin keppele. Ien fan dy steungesinnen is de húshâlding fan Liesbeth. Alle tiisdeis hellet Liesbeth de 8-jierrige Haley út skoalle en nimt har mei nei hûs. ‘Haley hoort inmiddels helemaal bij ons’, vertelt Liesbeth. ‘Ze doet mee met alles wat wij als gezin doen. Buiten spelen, naar de kinderboerderij of samen een taart bakken. Als steungezin hoef je geen ingewikkelde dingen te doen. Het gaat erom dat je even de zorg overneemt, zodat de ouders van het vraaggezin op adem kunnen komen.’

‘ Meielkoar kinne wy faak mear as dat wy tinke.’ Op adem komme Tiid om efkes op adem te kommen: dat is presys wat Alie de Jong, mem fan Haley, wol brûke kin. By de berte fan har dochter krige se in harsenblieding, wêrtroch’t se gau wurch is. ‘Ik ferjit boppedat in hiel soad dingen’, fertelt se. ‘Foar my is it hearlik dat Haley ien dei yn ’e wike nei Liesbeth ta giet. Dat jout my de romte om by te sliepen en efkes tiid foar mysels te nimmen. Boppedat fernim ik dat Haley it hjir prachtich fynt. Sy komt hjir altyd sa fleurich wer wei en hat folle mear selsfertrouwen krigen. Dat is geweldich om te sjen.’

It ferhaal fan Liesbeth en Alie is it perfekte foarbyld fan twa gesinnen dy’t elkoar helpe sûnder dat der profesjonele help foar ynskeakele hoecht te wurden. ‘Dat is it doel fan Buurtgezinnen’, leit Sjikke út. ‘In gesin helpe foardat de situaasje eskalearret. Dêrmei kinst foarkomme dat ynstânsjes lykas maatskiplik wurk of jeugdsoarch yn aksje komme moatte. Meielkoar kinne wy faak mear as dat wy tinke.’ Hoechst dy net te skamjen Net allinnich as famylje kinst dy opjaan as steungesin, Sjikke is ek op syk nei entûsjaste pakes en beppes. ‘Jong of oud: iedereen kan steungezin worden’, fynt ek Liesbeth. ‘De enige voorwaarde is dat je openstaat voor anderen en hen wilt helpen. Ik haal daar zo ontzettend veel voldoening uit.’ Ek Alie is wakker wiis mei de help dy’t se krijt fan Liesbeth. ‘Ik wol sa graach wat weromdwaan’, fertelt se. ‘Dus dêrom jou ik de berneklean en it boartersguod dat wy thús net mear brûke oan Liesbeth. Sa helpe wy elkoar.’ Tusken beide froulju is yntusken in hechte bân ûntstien. ‘Wy ha lêstendeis mei ús allen pankoeken bakt’, laket Alie. ‘En Liesbeth en ik sitte soms oeren te praten as ik Haley wer ophelje. Dat is foar my ek hiel belangryk, dat ik myn ferhaal oan ien kwyt kin.’ Foar wa’t noch twifelet, hat se mar ien advys: ‘Hoechst dy wier net te skamjen. Der binne safolle minsken dy’t help nedich ha. En it smyt dy en dyn bern safolle op. It is echt in oanrieder!’

Doch ek mei! Buurtgezinnen is aktyf yn 46 gemeenten yn Nederlân, wêrfan’t Smellingerlân de iennige Fryske gemeente is. Opjaan as steungesin of as fraachgesin kin fia www.buurtgezinnen.nl. Sjikke nimt dêrnei kontakt mei dy op foar in intake, wêrby’t jim it ha oer de ferwachtingen en winsken en de gearwurking mei in fraach- of steungesin. En ek Fryske pakes en beppes binne mear as wolkom!


Nije boeken! € 22,50 It grutte foarlêsboek II Moaie, spannende, gekke, fleurige ferhaaltsjes, gedichten en ferskes oer fan alles en noch wat: kabouters, bisten, letters, fiterjen, heksen, Tomke, op skoalle en noch folle mear. Mei wurk fan ferskillende skriuwers en yllustratoaren. Om alle dagen út (foar) te lêzen. Leeftyd: 2+

€ 12,95

Hasto Oaljefant sjoen? David Barrow Oaljefant wol ferstopperke boartsje. Dêr is er HARTSTIKKE goed yn, seit er sels. Kinsto Oaljefant fine? Leeftyd: 2+

Prinses Pompebledsje Barbara de Ruiter De kening en keninginne krije fan Fee Foekje in kado, omdat se har holpen ha. In prachtige pearel dêr’t in ferrassing yn sit. Mar de pearel wurdt stellen… Wat soe deryn sitten ha? En wêr is de pearel bedarre? Leeftyd: 3+

€ 14,99 € 12,50 Leer je hond Fries Altijd al Fries willen leren, maar niemand om mee te oefenen? Voor hondenbezitters hebben we de oplossing: ‘Leer je hond Fries’! Met dit boekje leer je jezelf, en je hond, stap voor stap Friese woorden en zinnen. Wees gewaarschuwd, je hond leert het misschien sneller dan jij! Een leuke manier om Fries te leren, zonder dat je je hoeft te schamen voor je uitspraak.

30

31

€ 4,95

Wekker wurde! Jonny Lambert Hepke Hoanne makket elkenien wekker op de buorkerij. Kinsto him helpe alle bisten te finen? Tear de flapkes iepen en sjoch wa’t der tefoarskyn ‘floept’. Flapkes en ‘pop-ups’ stimulearje de ynteraksje, it ûnthâld en de ferbylding. Leeftyd: 1-3 jier


Boekresinsjes

Sytske en Sita binne lid fan it Afûk-boekpanel. Liket it dy ek leuk om de nijste útjeften (berneboeken of boeken foar folwoeksenen) fan de Afûk thússtjoerd te krijen en dêr wat oer te skriuwen? Meld dy dan gau oan! Sjoch op www.heitenmem.nl foar mear ynformaasje.

De resinsje fan Sita:

‘De natoer’ Nei in drege wike fol rein skynt it sintsje no gelokkich wer, mar as wy ûnwennich wurde fan de rein kinne wy altyd noch nei de reindruppen yn dit boekje lústerje, krekt echt! Sok wiet waar jout fansels wol fijn de tiid om dit moaie nije boekje te lêzen én te belústerjen.

De resinsje fan Sytske:

‘Tûzen wurden’ Wat in ferrassing by de post, it Tûzen wurden-boek. In ‘gouwe ouwe’. As famke haw ik dit boek eartiids ek faak lêzen/besjoen: earst sels, doe mei myn broerkes en letter mei myn oppasberntsjes. Dat it boek no, alwer in generaasje letter, noch hieltyd opnij drukt wurdt, seit wol wat oer hoe’t it ta de ferbylding sprekt. Bern sykje harren eigen dingen út. Yn ús gefal binne dat foaral de bisten yn it boek. Sanne (fan krekt twa) is hielendal mâl mei bisten: grut, lyts, nuet of wyld. Op dit stuit binne fûgels, einen en katten topfavoryt. Se speurt de bledsiden ôf, op syk nei har bisteboel. Ek de side mei plaatsjes oer de supermerk kin har bekoare: ‘Kar, kar’, ropt se. Se beneamt de saken dy’t se ken en praat my fierder sa goed mooglik nei. As jongste fan trije is se lang fier kommen mei ‘die, die’ en at ik har fergelykje mei har broers, dan is se wat letter mei praten: de needsaak wie der gewoanwei noch net. Dit boek is in moaie boartlike yngong om te oefenjen en tegearre in gesprekje te fieren: wa hat noch mear in kat? Wêr swimme de eintsjes? Wêr hingje de slingers? Se fynt it machtich ynteressant en ‘kletst’ op har eigen wize gesellich mei. De broers (fan fjouwer en seis jier) dogge ek mei, en binne foaral op syk nei it pykje. Mar ek foar harren twataligens kin dit bot helpe. Want hoe’t wy ek Frysk prate … De jonges prate fan jongs ôf oan Hollânsk werom. Wy bliuwe it besykjen en dit boek is foar ús allegear in moai middel. Sytske Gietema út it Hearrenfean

Myn dochter fan oardel jier fynt it hiel bysûnder. It is ek nijsgjirrich fansels, want se kin hearre watfoar lûd de kikkert makket, hoe’t de fûgeltsjes fluitsje en watfoar lûden der by de see te hearren binne. En ek de ûle is yn dit boekje te finen. It is wat my oangiet in edukatyf en learsum boek. Foaral foar jonge bern is it hiel nijsgjirrich. Se kinne sels de lûdsjes oansette troch mei de fingers op it wite rûntsje te drukken. De lûdsjes kinne ek útset wurde en dan kinne se sels besykje om bygelyks by de fûgel te fluitsjen en by de kikkert te kweakjen. Los fan de lûdsjes binne der ek in hiel soad plaatsjes yn te finen fan allerhande bisten, beammen, fûgels en blomkes. Sa kinst by it wurdsje fan de rivier sykje om de geit, it fiskje en de bearkes en by it wurdsje fan de rein is in hiel bosk te finen mei in ingeltsje, in iikhoarntsje en in hiel ferskaat oan blomkes, beammen en bledsjes. It boekje befettet 6 plaatsjes, 6 wurden en 6 lûden. It is in moai en stevich boekje fan karton, mei plaatsjes dy’t dúdlik en kleurryk makke binne. Mei in bytsje fantasy fan mem, heit of in oare foarlêzer/ster binne de ferhalen by dit boekje ûneinich. It is in hiel moai en praktysk boek oer de natoer en it is seker in moaie oanfolling foar de boekekast! Wy hawwe der yn elk gefal al in hiel soad wille fan hân. Sita Land-Dotinga út Surhuzum


Fragen oan Lida Dykstra De alderearste Berneboeke-ambassadeur Wa bisto en wat dochsto? Al 25 jier bin ik berneboekeskriuwer. Ik ha sa’n 90 berneboeken skreaun, yn it Frysk en yn it Nederlânsk. Minsken kenne miskien Mûske, myn famke, Skattich of Pykje Fjouwer. Foar myn jubileum is it boek It Spûkskip ferskynd, mei koarte ferhalen foar de boppebou. Want neist printeboeken en boeken foar begjinnende lêzers skriuw ik ek foar âldere bern. Ik hâld fan (keunst)skiednis, dat sjochst bygelyks werom yn myn boeken Wenje yn in skilderij en Spegelspreuk.

Bisto de alderearste Berneboeke-ambassadeur? Ik bin de alderearste Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. Mar yn mear as tsien lannen wie der al ien beneamd, lykas yn Sweden, Amearika en Ingelân. Mar ek yn Nederlân: yn maart is Manon Sikkel foar twa jier beneamd. Alle ambassadeurs dogge har bêst om it berneboek te promoatsjen troch omtinken te besteegjen oan de taal, it lêzen, de wurdskat, én de wille dy’t je belibje kinne oan boeken, ferhalen en lêzen. Hoe hurd moatst aanst oan it wurk as BBA? Ik bin beneamd foar twa jier, foar twa dagen yn ’e wike, troch Boeken fan Fryslân. Ik hoopje eins dat ik it ferskuorrende drok krij, en dat in soad skoallen, biblioteken en oare organisaasjes in berop op my dogge. Dat is hielendal fergees. Wat myn wurksumheden wurde, dat wol ik ek graach wat fan de fraach ôfhingje litte. Wêr’t skoallen, lêzers, begjinnende skriuwers, fragestellers of organisaasjes ferlet fan ha, dêr kin ik op ynspringe.

32

33

Wêr kinne bern, âlders en ûnderwizers dy fine? Ik krij in eigen website en eigen accounts op de social media. Minsken sille de BBA maklik fine kinne. Boeken fan Fryslân stipet de Berneboeke-ambassadeur. Do komst op in soad skoallen, earder al as Skoalskriuwer en aanst as Berneboeke-ambassadeur. Makkest wolris aardige dingen mei? Mei bern omgean fyn ’k geweldich. Troch de jierren hinne ha ’k fansels al fan alles meimakke. Sa as dy kear dat ik wat te betiid wie, en mei myn boeketrolly op tsjiltsjes by de doar fan groep 1 stie te wachtsjen. De beukers hiene op it plein boarte, en rûgelen drok de gong yn. Ien jonkje bleau flak foar my stean. ‘Silsto aanst foarlêze?’ ‘Ja,’ sei ik, ‘ik bin de skriuwster.’ ‘Dan kinst wol it bêste earst efkes nei de wc gean,’ sei er en hy wiisde. ‘Dy is dêre.’

Fotograaf: Barbara van Rijn

Wat hâldt dat krekt yn, Berneboeke-ambassadeur? Yn juny bin ik ynstallearre as Berneboeke-ambassadeur (BBA) en yn jannewaris 2020 gean ik oan ’e slach. De basis fan myn wurk sil wêze om myn plezier yn Fryske boeken en lêzen oer te bringen op bern (mar fansels ek op âlders en learkrêften). Dat doch ik troch op skoallen en yn biblioteken, en oeral wêr’t ik mar útnûge wurd, foar te lêzen, te fertellen of, as in skoalle dat aardich fynt, mei de bern oan ’e slach te gean mei kreatyf skriuwen, of in sit te nimmen yn in sjuery. De BBA jout promoasje fan Fryske berneboeken in gesicht, sis mar.


Karlsson op it dak it ultime famyljeferhaal Nei foarstellingen lykas Ronja de Rôversdochter en De Bruorren Liuwehert komt Tryater dizze winter op ’e nij mei in famyljefoarstelling nei in boek fan Astrid Lindgren yn stedsskouboarch De Harmonie! Foar it earst oait wurdt Karlsson fan it dak op it Nederlânske toaniel brocht: de primeur fan it ultime famyljeferhaal, dat de fantasy fan jong en âld prikelet.

‘Stap yn de magyske wrâld fan Karlsson fan it dak: it ferhaal oer de ûngewoane, dwerse en grappige freon dy’t dy op ’e nij sjen en ûntdekken leart en it aventoer yn dy losmakket.’ Tatiana Pratley

De hiel gewoane Erik Erikson wennet mei syn hiel gewoane âlden yn in hiel gewoane strjitte yn Stockholm. Mar as op in jûn in lyts dik mantsje mei in propeller op ’e rêch Erik syn sliepkeamer ynfljocht, is syn libben ynienen net sa gewoan mear. Karlsson nimt Erik op syn rêch mei nei syn wrâld op it dak. Tegearre belibje se de spannendste aventoeren, fol ûnhandige ynbrekkers, boaze omkes en soere muoikes. Ien ding is wis: as Karlsson yn de buert is, hoechst dy noait te ferfelen. Want mei net ien kinst sokke goede aventoeren belibje as mei Karlsson fan it dak, de meast ûngewoane held dy’t der bestiet! Tatiana Pratley hat de regy oer it teäterstik. Tatiana: ‘It wie myn dream om in grutte krystfoarstelling foar it hiele gesin te meitsjen yn it Frysk. As bern wie ik gek op de eigensinnige, moedige personaazjes yn de boeken fan Astrid Lindgren. Hoewol’t Karlsson fan it dak foar in protte bern yn Fryslân in nij ferhaal fan Lindgren is, sjoch ik it as har meast humoristyske en magyske wurk. In personaazje mei in propeller op ’e rêch dy’t fleane kin en op it dak libbet, sprekt daliks ta de ferbylding en is in grutte útdaging om op it toaniel te bringen. Dêrom is it sa fantastysk dat de erven fan Lindgren ús tastimming jûn ha om Karlsson yn it Frysk te meitsjen. Dizze kryst bringe wy mei njoggen akteurs de betsjoenende wrâld fan Karlsson fan it dak ta libben. It wurdt yn Sweedske krystsfear brocht, kompleet mei snie, geweldige muzyk, pruken, prachtige kostúms en… in fleanende Karlsson dy’t ús meinimt op aventoer nei it dak.’


TRYATER SPILET

ASTRID LINDGREN’S

Spylperioade: fan sneon 14 oant en mei moandei 30 desimber 2019, middeis- en jûnsfoarstellingen.

KARLSSON FAN IT DAK

De foarstelling is folslein yn it Frysk, foar wa’t dat wol is der in Nederlânske oersetting beskikber. De foarstelling is geskikt foar bern fan 8 jier en âlder.

Tatiana Pratley Mei Mirjam Stolwijk, Joop Wittermans, Lourens van den Akker, Marjolein Ley, Eelco Venema, Rik Witteveen, Eline de Vries, Jelke Rijpma, Merel Staalstra Regy

Kaartsjes winne? Hâld de Facebookside fan heit&mem yn ’e gaten. It boek is foar € 13,50 te bestellen fia websjop.afuk.frl, of freegje dernei yn dyn boekhannel.

€ 13,50

STADSSCHOUWBURG DE HARMONIE

IN FAMYL JEFOARSTELLING 8+ FAN

EN

fotografy: Florian Cats / styling: Arjen van der Grijn / ûntwerp: Jelle F. Post, 2019

14 O/M 30 DESIMBER

Neist de foarstelling fan Tryater is ek it boek ‘Karlsson fan it dak’ by de Afûk útkommen. Martsje de Jong hat út it Sweedsk wei it boek Lillebror och Karlsson på taket oersetten nei it Frysk: Karlsson fan it dak. Martsje: ‘Karlsson is foar myn generaasje in bekende ferskining. Ein jierren santich wie er op telefyzje en ik leau sekuer dat in soad âldere heiten en memmen har it ferske noch wol yn it sin bringe kinne. Dat ik fan dizze Karlsson it earste boek (der binne noch twa) oersette mocht nei it Frysk fûn ik dus prachtich. Karlsson is, lykas de oare haadpersoanen fan Astrid Lindgren, wat in anargistysk figuer. Hy docht de dingen op syn eigen wize en is dêr hielendal tefreden mei. Karlsson is grappich, eigenwiis, brutaal en fynt himsels de bêste fan de hiele wrâld. Yn alles. Hoewol’t it eins net kin, in mantsje mei in propeller op syn rêch dy’t yn in lyts hûske achter de skoarstien wennet, skriuwt Astrid Lindgren sa dat it wól kinne soe. Hearlik. Karlsson is yn mear as njoggentich talen oerset, oant yn Ruslân en Syrië ta. Ek dêr is der in teäterfoarstelling fan makke, moai no? Dat sa’n boek yn in lytse taal lykas it Frysk ferskynt, is fansels in boppeslach, mar eins jildt dat foar alle toppers út de berneliteratuer. Wêr op ’e wrâld ek, bern ha it rjocht om de moaiste boeken yn harren memmetaal lêze te kinnen, hoe lyts dy taal ek is. Dat is net allinnich goed foar de taal, mar ek foar de bern sels. Yn in boek kinst dy ferlieze, en yn dyn eigen taal lêze of foarlêzen wurde, komt noch tichterby. Dêr wol ik my hurd foar meitsje, dat is my in eare.’

34

35

‘Wêr op ’e wrâld ek, bern ha it rjocht om de moaiste boeken yn harren memmetaal lêze te kinnen.’ Martsje de Jong


ADVertentie

Ik wol sa graach in húsdier ha Mindert Wijnstra / yllustraasje Berber van den Brink memmy, mei ’k in kavia? ik wol sa graach in húsdier ha in kavia kin yn in koai dat fynt sa’n dierke moai memmy, memmy please NEE, wat tinkst wol, bist net wiis heity, mei ik dan in hûn? ik sil alle dagen mei him rinne moarns en middeis en op jûn in hûn wol altyd oeral hinne toe heity, heity ja? NEE, ik wol dat geblaf net ha mei ik dan in hynder ha? dêr kin ik moai op ride ik kin derop nei skoalle ta en winters kin er foar de slide memmy, memmy ja? dan mei mem der ek wol op NEE, hoe krijst it yn ’e kop mei ik dan in krokodil? dy kin maklik yn it bad want hy leit ommers altyd stil sels wannear’t er honger hat heity, heity ja? JA, goed, lit ús dat mar dwaan mar dan moatstó him iten jaan


Gedicht út it Grutte Foarlêsboek € 22,50 Afûk


Hilde’s hart

Het meisje stierf in de armen van haar moeder


Nog veel meer dagen hadden Coriene en Rienk met hun kleine famke in het ziekenhuisbed willen blijven liggen, ook al klopte het hartje van Hilde niet meer. Onvermijdelijk was het moment dat de verpleegkundige hun baby overnam. En dan is het stil. Heel stil. Zusje Doety (op dat moment 4 jaar) nam Hilde ook nog in haar armen: ‘Wat is se kâld, heity. Kin de dokter har no wer better meitsje?

Op 31 december schrijft Coriene in het couveuseboekje: ‘Lieve schat, je boekje is alweer volgeschreven. We gaan nu deel twee voor jou maken.’ Maar deel twee blijft uit. Op Oudjaarsdag daalt de hartslag van Hilde. Met man en macht is het specialistisch team met het kleine baby’tje bezig. De artsen staan voor een raadsel; het ging zo goed met haar! Drie uur en twaalf minuten nadat het nieuwe jaar is begonnen, blaast Hilde op de borst van haar moeder haar laatste adem uit. Ze ligt bij haar ouders, die alleen maar vol ongeloof kijken naar hun kindje dat ineens niet meer leeft. Samen naar huis ‘We hawwe har dêrnei noch yn in badsje wosken’, vertelt Coriene. ‘Dat wie foar it earst, sûnder triedden en buiskes.’ De hele maand ervoor brachten de ouders in het Ronald McDonald Huis door en ook deze nacht zijn ze daar, maar Coriene is wakker en wil weten waar haar meisje is. ‘Wat dogge se eins mei har? Ik wist it net. Ik koe net sliepe en haw it frege. Se lei op ’e stiltekeamer neist de ferloskeamer, yn in friezerke. Ik woe har sels ophelje dêr en haw har de oare deis sels út it laad helle.’ Het duurt dan nog een dag voor ze naar huis kunnen, omdat de kinderpatholoog niet ter plaatse is. Er moet nog sectie verricht worden om de oorzaak van Hilde’s plotselinge dood te kunnen achterhalen. Dat onderzoek zal nog maanden in beslag nemen.

38

39

Daarna staan de ouders voor de vraag hoe ze Hilde mee naar huis nemen. Het kinderziekenhuis heeft speciale rieten mandjes voor premature baby’s, maar daar past Hilde niet in. MaxiCosi dan maar? Ondanks dat het ziekenhuis regelt dat ze via de ambulanceuitgang naar buiten kunnen, lopen ze in de hal toch nog tegen een vader aan waarvan het kindje op dezelfde afdeling lag. ‘Ah! Mag ze mee naar huis?!’, vraagt hij, terwijl hij verheugd naar de MaxiCosi kijkt. Rienk en Coriene slikken. ‘Ja, dan moatst dus lûdop sizze dat dyn berntsje net mear libbet.’ Kinderkamer Terug naar de Jouwer. Rienk kan de rit wel dromen, zo vaak is hij op en neer geweest de afgelopen maand. Het leven met Doety ging natuurlijk gewoon door. Naar school, Sinterklaas vieren en op vrije dagen ging ze mee naar Utrecht. Nu rijden ze met de kleine Hilde door de polder naar huis. Thuis. Waar de kinderkamer op haar wacht. Thuis. Waar de familie de organisatiemolen al is ingedoken, want binnen een week na het overlijden moet Hilde begraven worden. De ouders zijn verdoofd. Rienk: ‘Wy wisten oan ’e foarkant net oft we fan achteren libben. Wy hiene gjin idee wat we dwaan moasten.’ Het is dus fijn dat Coriene’s vader bijvoorbeeld al een koelplaat heeft geregeld, zodat Hilde gewoon in haar bedje op haar eigen kamer kan liggen. Hetzelfde geldt voor de overlijdensverzekering die hij bij de

Skriuwer: Marieke Vinckers

Heldin, dapper, krijgster, strijdster: dat is de betekenis van de naam Hilde. Als íemand die naam toekomt, is het Hilde Bijma uit Joure, vernoemd naar haar beppe Hiltje. Dochter van Rienk Bijma (1984) en Coriene de Boer (1987), zusje van Doety (2014). Op 3 december 2018 wordt Hilde na een draagtijd van 32 weken geboren in het Wilhelmina Kinderziekenhuis in Utrecht. Twee dagen later ondergaat ze al een zware operatie aan haar slokdarm. Nog eens tien dagen later wordt haar buikje opengemaakt om de twaalfvingerige darm te verbinden aan de dunne darm. Hoe blij kun je zijn met de eerste poepluier? De verpleegkundigen delen die vreugde met Rienk en Coriene, nadat Hilde haar eerste moedermelk heeft gedronken en daarna goed poept. Het ultieme bewijs: de operaties zijn geslaagd! Nu mag ze herstellen in de couveuse en in de armen van haar ouders.


Hilde werd op 3/12 om 15.12 uur geboren en stierf op Nieuwjaarsdag om 03.12 uur.

geboorte al afsloot voor Hilde. Normaal gesproken misschien niet het eerste waar iemand aan denkt, maar als bestuurslid van zo’n vereniging weet hij hoe belangrijk dat is. Rienk en Coriene ontvangen daardoor een paar honderd euro vergoeding, maar dat is slechts een klein deel van wat de begrafenis kost. Het laten luiden van de kerkklokken, de huur van de kerk en het gebouwtje ernaast, de bode, het graf, het delven van het graf, de rouwkransen … Er is zo veel te regelen, en dus ook: zo veel te betalen. Regelwerk Woensdagavond laat komen de ouders pas thuis en zaterdag is de begrafenis. Coriene’s zwager heeft daarom alvast maar een kaart ontworpen. Omdat alles zo snel moet, versturen ze de kaarten noodgedwongen via WhatsApp en mail. Ondertussen timmert Rienk’s heit een klein kistje voor zijn pakesizzer dy’t nea pake sizze sil. Rienk’s mem maakt de binnenkant mooi. Samen met Doety drukken Rienk en Coriene met verf een laatste kleurrijke handdruk op het dekseltje. Donderdags komt een fotograaf van Stichting Make a Memory langs om foto’s te maken van het gezin van vier. Coriene: ‘Se hienen yn it sikehûs sein dat it echt hiel belangryk is om dat te dwaan.’ Het zijn mooie subtiele zwart-witbeelden, die de herinnering aan Hilde levend houden. Al zal dat in de harten van Rienk en Coriene nooit anders zijn. Kolven In al die dagen blijft Coriene kolven … want als je moeder bent geworden, dan dient de melk zich vanzelf aan, ook al leeft je kind niet meer. ‘Ik hie yn it sikehûs noch frege oft ik myn molke donearje koe. De hiele kuolkast fan it Ronald McDonald Hûs stie fol mei myn molke. Liters!’ In Amsterdam is een organisatie waar je melk kunt doneren

(Nederlandse Moedermelkbank, red.), maar de ouders van Hilde komen in zo’n ongelooflijke achtbaan terecht, dat de melk van Coriene uiteindelijk ongebruikt blijft. Afscheid Het is nog een hele toer om binnen twee dagen een dominee te vinden die een dienst en liturgie kan voorbereiden. Een nicht van memmekant biedt aan de kerkdienst te leiden. Rienk: ‘We hawwe sa’n soad oan ’e famylje hân, echt, wy hiene dat sels allegear noait betinke kinnen.’ Wat ze ook niet hadden kunnen bedenken, is dat Rienk de dag voor de begrafenis in allerijl nog een keer de rit naar Utrecht moet maken. Het blijkt dat de overlijdensakte die in het ziekenhuis werd getekend, niet rechtsgeldig is. Zo’n akte moet afgegeven worden door de gemeente waar de persoon is overleden. Rienk staat vergeefs aan de balie van het gemeentehuis in Joure; daar kunnen ze hem niet verder helpen. Hij moet die A6 nog een keer op en neer, terwijl Coriene thuis de kerkdienst doorneemt met de dominee. Rienk: ‘Dy freeds hawwe wy yn ’e nacht sels noch de muzyk byelkoar socht.’ En zo klinkt bij het afscheid ‘Fix you’ van Coldplay en ‘Somewhere over the rainbow’, bij wijze van laatste groet aan de kleine engel Hilde. Ze brengen haar naar de begraafplaats Westermeer in Joure, op een plekje dat speciaal is ingericht voor kinderen. Achter het graf van Hilde brandt een kaarsje voor een overleden jongetje. Rienk en Coriene kijken elkaar aan: ‘We binne net allinnich mei ús fertriet.’ ❤

Deel 1 van Hilde’s hart Lees op www.heitenmem.nl deel 2 en 3 van ‘Hilde’s hart’


MEER DAN VERKOUDEN

Tiny zit op schoot bij haar moeder. Ze is acht weken oud en deed het tot nu toe goed: ze dronk goed, groeide mooi en ontwikkelde zich volgens het boekje. Nu hijgt ze en kijkt me met grote ogen aan. Twee dagen geleden werd ze verkouden. Nu doen de longen mee. Het ademen kost haar meer moeite. Ze hoest, kort, droog en stotend. Het drinken lukt niet meer goed. Moeder maakt het rompertje los en ik kijk. De borstkas gaat snel op en neer. Bij het inademen wordt de huid van de borstkas naar binnen getrokken. Dat worden ‘intrekkingen’ genoemd. Het is een teken van ademnood. Het zuurstofgehalte, dat we meten met een bandje om de hand, is te laag. Het zijn allemaal kenmerken van bronchiolitis door het RS-virus, een ontsteking van de kleine luchtwegen. Het RS-virus, dat oudere kinderen en volwassenen een verkoudheid bezorgt, kan baby’s flink ziek maken. Ze krijgen moeite met ademen en kunnen soms daarom niet meer voldoende drinken. Sommige kinderen worden zo ziek dat ze kunstmatig beademd moeten worden. We nemen Tiny op in het ziekenhuis. Om haar te helpen, geven we extra zuurstof. In de afgelopen jaren is er van alles geprobeerd om de ziekte te bestrijden, maar niets helpt. Het enige dat we kunnen en moeten doen, is: ondersteunen. Tiny wordt flink ziek. Ze ligt waar ze ligt, speelt en lacht niet. Het is aandoenlijk om te zien hoe benauwd ze is. Snot verstopt haar neus. Met een zoutwateroplossing maakt de verpleegkundige de neus weer vrij. Voor drinken heeft Tiny geen energie, ze krijgt daarom voeding met een sonde naar de maag. ‘Komt dit wel goed?’ vraagt haar bezorgde moeder. Na drie dagen kunnen we de extra zuurstof verminderen. Als moeder de borst aanbiedt, drinkt Tiny weer een paar slokken. In de dagen daarna knapt ze verder op. De extra zuurstof is niet meer nodig en ze drinkt alles zelf, de sonde kan eruit. Dat betekent dat ze voldoende hersteld is en veilig naar huis kan. Met de verpleegkundige die voor haar zorgt, loop ik haar kamer in. Moeder heeft de spullen al ingepakt. ‘Ik vond het erg spannend en ben zo blij dat ze naar huis kan’, zegt ze. Tiny is wakker en kijkt rond. Ze ziet me en als ik tegen haar praat, kan er een lachje vanaf. Mijn dag kan niet meer stuk.

40

41

Tjalling de Vries (1959) is sinds 1991 algemeen kinderarts in het Medisch Centrum Leeuwarden. Hij is getrouwd en vader van drie kinderen: Fedde (1991), Marga (1995) en Anne (1998).


10 leuke dingen om yn ’e hûs te dwaan


moat is no ienkear grutter.

1. Bou in tinte yn ’e keamer Goai in âld lekken oer de tafel, in kleedsje en wat kessens derûnder en klear is jim smûke plakje! Hielendal leuk is it om in picknick te hâlden yn jim tinte, boekjes te lêzen of in filmmaraton te hâlden.

7. Meitsje it hûs skjin! Tinkst miskien dat gjin bern dêrfoar te porren is, mar faak fine (foaral de wat jongere) bern it hiel moai om te helpen mei skjinmeitsjen. Lekker feie mei in doekje of in biezem, de wask sortearje of ophingje. Aldere bern fine it faak leuk om der in wedstrydsje fan te meitsjen.

2. Meitsje in tekening op it rút Foar ien kear op it rút tekenje! Mei in spesjale rútstift kinne de bern harren mar útlibje. Op ynternet binne ek moaie foarbylden/sjabloanen te finen.

3. Kladderje yn in doaze Set de bern yn in grutte kartonnen doaze mei wat ferve of krytsjes en lit se de doaze moai opkleurje. Aldere bern kinne der ek rútsjes út knippe en sa in moai kastiel of hûs meitsje foar de hûn of kat.

8. Bak in lekkere taart In klassike appeltaart, lekkere cake of in hearlik toetje foar jûns, in soad bern hâlde fan bakken en itensieden. Of lit de wat âldere bern sels minypizza’s meitsje fan pitabroadsjes en allegear soarten belis.

9. Bou in legodoarp Romje in tafel leech en lit de bern in gigantysk legodoarp meitsje. Ek in treintafel of puzeltafel is moai, hielendal as it spul de hiele fakânsje stean bliuwe mei.

4. Sortearje op kleur Moai foar pjutten: meitsje fan ferskillende kleuren tape of papier rûnten dêr’t de bern allegear foarwerpen fan deselde kleur yn lizze moatte. In grien legoblokje, earmbantsje en kleurke yn de griene rûnte, in reade appel, sok, knoop en dop yn de reade rûnte.

10. Of … doch de learzens en de reinjas oan en gean dochs lekker nei bûten!

Oare opsjes: 11. Hâld in fotoshoot mei ferklaaiersklean (of stel dyn eigen kast beskikber)

5. Meitsje in XXL keunstwurk

12. Tennis mei ballonnen

Lis in hiel grut fel papier of stik behang op ’e grûn en meitsje mei syn allen in grut keunstwurk mei ferve, stiften of kleurkes. Der binne ek moaie XXLkleurplaten te finen. Ek leuk: gean op it papier lizzen en lit de bern dyn lichem omlûke en moai ynkleurje.

13. Darte, of balgoaie mei kleurde ballen yn waskkuorren 14. Doch alle poppen/barbies yn bad 15. Meitsje in eigen band mei muzykynstruminten 16. Hâld in speurtocht yn ’e hûs 17. Doch yoga mei de bern 18. Meitsje in hindernisbaan

42

43

6. Goai mei de dobbelstien

19. Doch ferstopperke yn it tsjuster

Komme jimme der net út? Skriuw elk in aktiviteit op in papierke en plak dat op in grutte (selsmakke) dobbelstien. Om beurten goaie en dwaan wat op de dobbelstien stiet.

20. Nifelje in spinneweb 21. Doch in spultsjemaraton 22. Hâld in stuolledûns 23. Lês in moai boek foar

Skriuwer: Hieke Rienstra

It reint, it waait, it stoarmet en do hearst: ‘Meeeeemmm*, wat sille wy ris dwaan?’ *’Heeeiiit’ kin ek, mar de kâns dat No, wat tochtst hjirfan: mem wat betinke


WURDKAART WINTER

de snie

de snieman

de mรปtse

de sneeuw

de sneeuwpop

de muts

it iis

reedride

de slide

het ijs

schaatsen

de slee www.tomke.nl


Reedride

Wolsto ek FERGEES moaie printables, wurdkaarten, ferhaaltsjes, kleurplaten, ferskes en nifelwurkjes foar pjutten yn dyn mailbox krije? Sjoch dan op www.tomke.nl en meld dy oan foar de nijsbrief!

Auck Peanstra

‘Moatst ris sjen wat ik hjir ha.’ Kornelia hâldt twa redens omheech. Redens mei reade en giele riemkes. ‘Dit binne redens. Dêr kinst op ride, op it iis.’ ‘Moai!’ seit Tomke. ‘Gean we no nei de iisbaan?’ Der binne in soad bern op de iisbaan. Se ha allegear redens ûnder. Tomke hat der sin oan. Hy sil daalks ek ride. Kornelia bynt him de redens ûnder. Tomke giet stean. Hy wibelet. ‘Moatst mar ride. Probearje it mar.’

44

45

Kornelia docht it foar. Tomke docht har foarsichtich nei. Bats! Dêr leit er op syn kontsje. Au! Kornelia set him wer oerein. ‘Krij dy stoel mar beet. Dan wol it wat better.’ Tomke besiket it wer. Mar it iis is sa glêd. En it is sa kâld op de iisbaan. Boem! Dêr leit er wer. ‘Ik kin it net. Ik wol net mear. Ik wol nei hûs.’ Kornelia wit wat betters. ‘Kom, we gean eefkes yn it hokje.

Dan keapje we waarme poeiermolke. Dan kinst wer opwaarmje.’ Dan wol it aanst grif better.’ En sa komt it ek. Fan de poeiermolke wurdt Tomke waarm. En sterk! Tomke krijt de stoel wer beet. Hy docht de fuotten hinne en wer. It riden wol no folle better. ‘Ik kin al ride’, ropt Tomke bliid. ‘Ik sjoch it’, laket Kornelia. ‘Dat komt fan dy poeiermolke.’


Noflike krystdagen en in lokkich nijjier!

Protte sรปnens!

Folle lok & seine! Ik winskje dy in waarm krystfeest ta!

In protte lok en leafde yn it nije jier! In goede jierwiksel tawinske!

Fijne, gesellige, moaie, & waarme krystdagen! In sรปn en leafdefol 2020 tawinske! In waarme krystgroet! In segene nijjier tawinske! Wy winskje jimme in noflik fanalles en in lokkich altyd!

&


Andries

Namme: Andries Keulen Berne op: 17 septimber 1952 Wennet: op 'e Lemmer Namme pakesizzer: Andries van der Horst Berne op: 21 oktober 2016 Wennet yn: Emmeloord Betsjutting Andries: dapper, heldhaftich, manlik

De namme Andries hat in protte fariaasjes en kaam ek al betiid yn de midsiuwen foar yn de Lege Lannen. As pake Andries de betsjutting fan de namme heart, seit er grutsk: ‘Dat is krekt lytse Andries! Hy is lyts, mar dapper. As de muzyk oangiet, begjint er fuort te dûnsjen en mei alle minsken deromhinne sjongt er fleurich mei. Ik fyn ús lytse pakesizzer in hiel yntelligint jonkje, dat samar trochhat hoe’t it sit. Hy kin alle kleuren al beneame, en doe’t er prate koe, koe er fuort ek oant tweintich ta telle. Ik bin grutsk op de lytse Andries, krekt as op ús oare pakesizzers, hear. Doe’t ús dochter Cobie befalle moast, wie ik mei de frees en de trekker it lân yn. Se belle en fertelde dat se in jonkje krigen hiene. “Andries

46

47

hjit er”, sei se. Doe wie ik der hielendal ôf. Ik ha derfan skriemd. Ik wie sa grutsk en sa bliid! Dat sy derfoar keazen hawwe om my te ferneamen, fyn ik in earbetoan. Dat docht my wol wat. De namme sit al jierren yn ús skiednis. Ik bin ferneamd nei myn pake Andries. Mar der stappe mear Andriesen yn ús famylje om. Der binne wol seis! Doe wie ferneamen noch hiel gewoan. Dêr moatst no ris om komme! Tsjintwurdich krije de bern bûtenlânske nammen of hjitte se fan Sinne of Maan. Elk mei dat sels witte, mar ik fyn soks wolris spitich. Earder wistest krekt wa’t út hokker húshâlding kaam en oft it de earste of de twadde wie. De earste soan waard ommers neffens de tradysjes meast ferneamd nei de heit fan de heit,

en de earste dochter nei de mem fan de mem. Tige oersichtlik. Alle moandeis passe wy op lytse Andries. Hy komt om healwei sânen al. Dan krije we earst even moarnsiten en dêrnei boartsje wy mei de autokes, fertel ik in ferhaal of sjogge wy nei de telefyzje. Of ik nim him mei nei de kealtsjes op ’e pleats. Wat letter komt syn neefke Huub en middeis skoot neefke Frâns der ek by oan. Se hawwe alle trije nocht oan trekkerriden en buorkerijke-boartsjen. By Huub thús hawwe se in blombollebedriuw, dus de lytse jonkjes ride graach sabeare de bollen hinne en wer. Se hawwe in protte lol mei syn allen en wy mei harren!’

Skriuwer: Ciska Noordmans Fotograaf: Hippe Kiek Fotografie

FERNEAMD


websjop.afuk.frl

Nij!


Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.