Heit en Mem nr. 2 2012

Page 5

1 2 3

Marrit de Schiffart

Tsjek foar mear tips en trúks de websites veiligheid.nl en allesoverspelen.nl.

trampolinespringe

skeelerje en skateboarde

klimme op klimtastellen

It is simmer. Heech tiid om de game-generaasje út de digitale wrâld wei te lûken en nei bûten te jeien. Bûten boartsje is leuk, sûn en learsum. Mar… it kin ek gefaarlik wêze. Wat binne no de echte bonkebrekkers by bern fan 7 oant 12 jier? Dy fraach leinen wy foar oan de gipskeamer fan it MCL. It antwurd? De trampo stiet mei stip op 1, op 2 komme skeelers en skateboards en op 3 klimtastellen. Skeelerjen en skateboarden wurdt foaral leuk fûn troch bern fan 7 oant 12 jier. Spitigernôch leveret dat wolris rare knoffelpartijen op. Dêrom in pear tips. Tip 1 soe in iepen doar wêze moatte: as jo skeelers of in skateboard keapje foar jo kroast, keapje dan tagelyk ek pols-, earmtakke- en knibbelbeskermers. In helm is fansels de kers op de feilichheidstaart. Fierder moatte de lagers fan de tsjillen soepel draaie. Test: hâld de skates op ’e kop en lit de tsjillen draaie. As se fuort wer ophâlde fan draaien, binne de lagers net goed. Smarre of skjinmeitsje dus! Trouwens, lagers mei in ABEC nûmer binne de bêsten. Lagers mei in AA, AB of BB nûmer binne net oan te rieden. Fierder is it goed om te oefenjen mei jo bern. Lear it remjen, mar foaral ek it fallen. As lêste: skeelerje of skateboarde wylst it bûten wiet is, is not done!

8

Trampolinespringen is populêr. Hieltyd mear minsken ‘plantsje’ in trampoline yn ’e tún. Logysk, it is machtich om troch de loft te sweven. Neidiel fan de trampo is dat jo der samar neist lizze. Wat heger de falhichte, wat grutter de kâns op slim letsel. Dêrom is it ferstannich om de trampo yn te graven. Elke trampoline soe boppedat yn in iepen romte stean moatte. Dat foarkomt dat bern ergens tsjinoan springe kinne. Google jout antwurd op de fraach hoe grut at dy frije romte wêze moat. In oare gouden tip is in feilichheidsnet. Troch dat net - te keap by elke dochit-sels-saak - is it ûnmooglik om der ôf te fallen. Dúdlike regels fêststelle oangeande de trampoline is in must. Praat bygelyks mei de bern ôf dat der mar ien persoan tagelyk op de trampo mei en dat der allinne sprongen wurdt as it droech waar is en net hurd waait. In oare regel soe wêze kinne dat de bern noait ûnder de trampoline komme meie.

Neat aventoerliker as it klimmen op in spannend klimtastel. Bern hâlde fan de útdaging om ‘de oare kant’ te berikken. Klimtastellen binne der yn allerhande soarten: klimrekken, klimnetten, klimtouwen, klimtuorren of klimbrêgen. Stik foar stik superleuk, mar ek bonkebrekkers! In eachje yn it seil hâlde is dus net ferkeard. Der binne inkelde saken dêr’t jo om tinke kinne. Sa moat in klimtastel dat heger is as in meter, in skokbrekkende ûndergrûn hawwe. Dat kin sân wêze, mar ek houtsnippers, gers of beamskors. Fierder is it handich om derfoar te soargjen dat jo bern gjin koardsjes yn ’e klean hat dêr’t er maklik achter heakjen bliuwt. De allerbelangrykste regel is wol dat as jo jo bern helpe moatte om in tastel te beklimmen, it tastel dan dúdlik bedoeld is foar in oare leeftydsgroep! Logysk dochs?

9


Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.