heit en mem boEken
Bernepraatsjes Hat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei ynfo@heitenmem.nl.
Mem seit tsjin Jarn: ‘Love you!’ Seit Jarn werom: ‘Ja, Yana Yu!’ Tiemen (1,5) syn muoike is yn ferwachting fan har earste berntsje. Tiemen wiist nei mem har búk en seit: ‘Mem baby’. ‘Nee,’ seit mem, ‘muoike Sietske kriget in baby.’ ‘Of hiest noch graach in broerke of suske ha wollen?’ ‘Nee!’ ropt Tiemen. ‘Wat wolst dan graach ha?’ Wêrop’t Tiemen seit: ‘PATAT!’
Mireia (4) komt út it wetter fan it swimbad. Se is sa kâld. Seit dan: ‘Myn toskjes dûnsje.’ (klappertoskje).
Dokter Fleur (4) kijkt in pakes oor en zegt: ‘Ik zie het al... oorlog.’
Mem leit oan Theunis (4) út dat mandaryntsjes en sinesappels hiel sûn binne, want der sitte in protte fitamyntsjes yn. Theunis is it dêr net mei iens: ‘Dêr sitte gjin fitamyntsjes yn, allinnich mar pitsjes!’
28
Maike (4) makket allegear (fantasy)letters by har tekening. Har grutte broer Aron (6) sjocht dat en freget: ‘Wat binne dat foar letters?’ ‘Dat binne gjin letters, dêr stiet yts’, reagearret Maike yrritearre. ‘Wat stiet dêr dan?’ freget Aron dêrop. ‘Dat wit ik net, ik kin ommers noch net lêze!’
€ 24,90
Reitse Spanninga, Afûk
“Der is neat moaier as it wikseljen fan de seizoenen. De seizoenen bringe ús op oare gedachten en seker wannear’t it om iten giet. Elk seizoen hat ek syn eigen grienten, fleis, fisk, wyld en suvelprodukten. Dát makket it seizoen allinnich noch mar moaier.” Yn dit itensiedersboek binne alle gerjochten te finen, it hiele jier troch.
Ut ’e boekekast fan Pieta Zijlstra
Lina (2) hat in hiele leuke namme betocht foar har broerke of suske dat hast komt: Gamma. Sy giet miskien dochs wat te faak om mei har muoike, dy’t manager is fan in boumerk.
At Sven Jitze (3 jier) mei heit in filmke op ’e kompjûter besjocht wêryn’t in trekker de foarlader omheech docht, seit heit: ‘Sjoch, dat docht er hielendal automatysk.’ Wêrop’t Sven Jitze seit: ‘Nee, dat is toch trekkermatysk?!’
Lekker ite – 4 seizoenen lang
Ferdinand de Jong debutearre yn 2010 en hat mei syn twadde roman It dak fan de wrâld yn 2012 de fyfde Rink van der Velde-priis wûn. Pieta Zijlstra-Abma út Wommels hat it boek foar HEIT en MEM lêzen. Pieta is troud en mem fan Jurre en Yward. Njonken har baan as teamlieder by twa wenlokaasjes fan Talant is sy sûnt 2008 redakteur by de doarpskrante Diggelfjoer. ‘Ik bin hielendal Frysk’, seit Pieta. ‘Ik skriuw graach Frysk en ik lês graach Frysk. As ik mei fakânsje gean, giet der wis ien Fryske roman mei yn de koffer. It dak fan de wrâld fûn ik in moai boek om te lêzen. It lêst flot en maklik, sûnder slim Fryske wurden. In roman mei moderne yngrediïnten: mobyltsjes, ynternet en in protte seks. Ik woe fuort witte hoe âld at de skriuwer eins is. Meastentiids nimme de sekssênes mar in pear rigels yn beslach oan ’e ein fan in haadstik. It is de frekwinsje dy’t opfalt’, ljochtet Pieta ta. ‘Sels fyn ik bergen freeslik, ik hâld fan it plattelân. Mar yn It dak fan de wrâld wurdst meinaam fan it Wâldster berchje yn Oranjewâld nei de heechste berch fan de wrâld. En dat foel ta. It is krekt oftsto sels meiklimst mei de haadfigueren Redmer, Hiske en Marcel. Yn gedachten besocht ik út te mjitten hoe grut at it berchplato eins is, dêr’t sy yn in skytlyts tintsje oernachtsje. De haadfiguer Marcel de Ruiter bliuwt lange tiid wat in mysterieus figuer. Mar alles wat hy meinimt yn syn rêchsek makket him ta de man dy’t hy is. Pas op it alderlêst folget in spannende ûntknoping. In man mei hechtingsproblemen en sosjale stoarnissen.’ It wurdt dúdlik dat de bagaazje fan elke lêzer it ferhaal wer oars kleurje sil. Elts kin op in oar aspekt oanheakje.
It dak fan de wrâld Ferdinand de Jong, Friese Pers Boekerij
De Belvedêre
€ 17,50
Durk van der Ploeg, Afûk
Age Looxma-Ypeij libbe fan 1833 oant 1892. As grutgrûnbesitter wied er ien fan de rykste minsken fan syn tiid. Finzen yn in aristokratyske tradysje, waard fan Age ferwachte dat er in wichtige rol spile yn it maatskiplik libben. Mei syn porslein- en muntesamling, it Bosk fan Ypeij en de huzen by Vijversburg hat er nei syn dea Fryslân skatten neilitten. Dizze nijste roman fan Durk van der Ploeg giet oer de neidagen fan Age LooxmaYpeij syn libben, as er de lêste hân leit oan syn testamint en geastlik de balâns opmakket.
€ 4,95
Mijn 2e vrouw is ook uitgenaaid! Dieuwke van der Meer – Posthumus, Afûk
Na het succesvolle boekje Mijn vrouw is uitgenaaid is er nu een vervolg: Mijn 2e vrouw is ook uitgenaaid! Alweer een hilarisch boekje vol frisismen. Want het valt voor een Fries tenslotte niet altijd mee om zich goed in het Nederlands te uiten.
Toptips voor peuterperikelen
€ 12,50
Gina Ford, Terra
Helaas krijgt elke ouder van een peuter er wel eens mee te maken: schijnbaar onverklaarbare en oncontroleerbare uitbarstingen van je kind, ook wel de ‘peuterpuberteit’ genoemd. In Toptips voor peuterperikelen geeft Gina Ford kalme, praktische en no-nonsense adviezen.
€ 15,00
29