heit&mem feestdagen-edysje

Page 1

gratis & fergees

2020

feestdagen-edysje

Checklijst sinterklaasfeest tips foar Fryske sinteklaasgedichten prikkelber jierdei fiere tusken de yn desimber pipernuten en de oaljekoeken yn


Komst by my sitten op ’e bank? Komst by my yn myn wrâld? We litte even de boel de boel, want it krôket en it is kâld. Komst by my sitten? Dan sko ik op. Toffels oan, tekkentsje oer. Bûten is it kâld, mar leave hjir binnen, dêr brânt it fjoer. De bern dy sliepe, de kearskes brâne, op myn skoat dêr leit de kat. Ik ha poeiermolke waarm foar dy, komst by my sitten skat? Dieuwke van der Meer

&


Gesellich ‘Hast noch spesjale winsken foar desimber?’ freegje ik dochter Maaike fan 8 jier. ‘Wolst wat bysûnders ite of in spesjaal kado ha’, sa folje ik myn fraach noch oan. Maaike hoecht net lang nei te tinken. ‘Nee hear’, seit se. ‘Ik wol it gewoan gesellich ha, lekker mei heit en mem en Jilles.’ Ik moat efkes weromtinke oan myn eigen jeugd. De gesellige sfeer is ek wat my it measte bybleaun is fan de feestdagen yn desimber. Dy smûke desimberfeestsfear woenen wy ek werombringe yn dizze earste echte online-feestdagen-edysje! En wat is it in pronkje wurden! It docht net ûnder foar de papieren heit&mem, al sizze wy it sels. It is in ekstra kadootsje, spesjaal foar dy yn dizze wintertiid. Ast dizze feestdagen-edysje lêst, wurdst automatysk ûnderdompele yn hearlike winterske feestsfearen. Wy jouwe yn dit nûmer fijne boeketips, mar der steane ek praktyske dingen yn, lykas in tsjeklist dy’tst foar it sinteklazefeest brûke kinst. Of wat tochtst fan Fryske sinteklazegedichten en tips foar hoe’tst dy it bêste skriuwe kinst. Ek stiet der in moai krystferhaal yn datst oan dyn bern foarlêze kinst en tips foar âlders wêrfan’t de bern yn de drokke desimbermoanne jierdei binne. Foar guon minsken is desimber hielendal net sa’n grut feest. Foar bern dy’t prikkelgefoelich binne, kin de desimbermoanne ien grut drama wêze. (sjoch side 28) En foar de famylje Bierma sil desimber ek noait wer itselde wêze no’t se harren soan Diemer (4) misse moatte. Do kinst harren hiele ferhaal op side 18 lêze. Koartom: dizze online edysje fan heit&mem is de muoite wurdich om op dyn laptop, tablet of computer efkes rêstich te besjen. En wy hoopje datst dan ekstra dyn bêst dwaan silst yn desimber. Foar dysels, dyn partner, dyn famylje en dyn bern. Skink dyn partner ris waarme poeiermolke yn, lês dyn bern in moai ferhaal foar op de bank, bygelyks út it nije boek fan Pippi Langkous yn it Frysk! Dûnsje mei jim allen de keamer rûn op fijne krystferskes en stjoer dyn omke in moaie krystkaart ta. En ferjit net: de moaiste kado’s foar de feestdagen fynst net yn de winkel, mar yn de waarmte fan it byinoar wêzen en yn it laitsjen fan dyn bern. Wy winskje jimme leafdefolle en foaral gesellige feestdagen ta! Redaksje heit&mem Hieke, Ciska en Dieuwke 3


ynhâld

2020

02 Wintergedicht 03 Fan de redaksje 04 Kolofon 05 Winter blues 06 Om (foar) te lêzen dizze winter 08 10 leuke dingen om yn ’e hûs te dwaan 10 Lindbergh - It grutte aventoer fan in fleanende mûs 12 Gedicht 13 De meestgestelde vragen over meertalig opvoeden 14 Kryst-tradysjes 16 Ik en myn bear 18 Feest en fertriet yn desimber 22 It spegelbyld fan Gabe 25 Kadotips foar de feestdagen 26 Pyt soe te fytsen 27 De skoechkadootsjes top 5

28 Prikkelber yn desimber 30 Fryske sinteklaas- kryst- en nijjierskaarten 31 Bernepraatsjes 32 De grote checklijst voor pakjesavond! 34 Sinteklaasgedichten 36 Jierdei fiere tusken de pipernuten en de oaljekoeken yn 39 Tomkeferhaal

Cover Op de cover stiet Famke Geja Koopman (4) út Wolvegea mei har broerke Jelte.

Kolofon Fotografy:

Hippe kiek fotografie by Sjoeke www.hippekiek.nl

Haadredakteur:

Dieuwke van der Meer

Redaksje:

Ciska Noordmans Hieke Rienstra

Foarmjouwer:

BW H ontwerpers www.bwhontwerpers.nl tel.: 058 - 213 35 43

Korreksje:

Ytsje Steen-Buwalda

Redaksje-adres/ útjouwer:

Afûk Postbus 53 8900 AB Ljouwert www.afuk.nl e-mail: ynfo@afuk.nl / ynfo@heitenmem.nl tel.: 058 - 234 30 70

Heit en Mem kinst ek folgje fia:

Utjûn mei stipe fan de


WINTER BLUES Ik sette al myn skuon Jûns foar de kachel del En song it heechste liet Al wie ’t mar foar in sint In woartel asjeblyft Sa frege ik oan mem Want wikselguod helpt grif By ’t krijen fan myn sin Wat wolsto dan sa graach? Sa frege mem oan my In aardich pakje snie! In winter dy’t begjint! Mar op de moarns dêrnei Wie alles wat ik fûn In rychje wiete skuon

Gedicht: Ate Grijpstra

Dyn snie is raand, jong Mem lake der sels by De woartel wie ferdwûn


Om (foar) te lêzen dizze winter Smûk mei de bern op de bank. Tekkentsje oer, kacheltsje oan en in moai foarlêsboek. Watfoar boek silsto foarlêze dizze winter?

Wekker wurde! 1+ Hepke Hoanne makket elkenien wekker op de buorkerij. Kinsto him helpe alle bisten te finen? Tear de flapkes iepen en sjoch wa’t der tefoarskyn ‘floept’. Flapkes en ‘pop-ups’ stimulearje de ynteraksje, it ûnthâld en de ferbylding.

€ 12,50

Judith: “Bernou is nijsgjirrich nei hokker bist der wekker makke wurdt. ‘Ku-ke-le-kuu!’ komt hieltiid wer werom, en al gau nimt Bernou dy tekst fan my oer. Dat makket ek har broerke Jisse (11 moanne) nijsgjirrich.”

Omke Ûle 2+ Tekst & yllustraasjes: Paul van Dijk Omke Ûle sit it leafst feilich thús. Hy hâldt net fan drokte en is oeral benaud foar. Hy is dan ek hielendal net bliid as er op syn neefke Eppy passe moat. Want Eppy wol de wrâld ûntdekke – op aventoer! Mar doart Omke Ûle dat wol?

€ 14,99

Hasto Oaljefant sjoen? 3+ Oaljefant wol ferstopperke boartsje. Dêr is er hartstikke goed yn, seit er sels. Kinsto Oaljefant fine? Lydia: “Mei prachtige yllustraasjes op dik en stevich papier kin it boek best wat ha, en dat is dochs noflik mei in pjut dy’t it boek fansels it leafst sels fêsthâldt.” Alle boppesteande boeken binne te bestellen fia websjop.afuk.frl

€ 14,50 6


De lytse walfisk 4+ Boi wennet mei syn heit en seis katten yn in lyts fiskershúske. Op in moarn fynt er in lytse walfisk dy’t op it strân oanspield is. Dat is it begjin fan in bysûndere freonskip…

€ 14,99

Tiete-Fokje: “It ferhaal is leuk en maklik te lêzen mei de bern, de plaatsjes yn it boek binne hiel moai, dat fûnen de bern prachtich om te sjen. Ek sochten we op alle bledsiden nei de poeskes fan Boi. It boek is wol in echte oanrieder, hy wurdt hjir no ek gauris út ’e kast pakt! En paste fan ’t simmer moai by ús strân-tema. It is in leuk boek foar bern fan 3 oant 7 jier.”

Bartele Bûse 5+ Bartele Bûse is in jonkje mei in protte fantasy. Yn alles wat er sjocht, sjocht en heart er in ferhaaltsje. Thús begripe se dat net sa goed. Mar Skelte wol. Skelte is keunstskilder. Bartele komt faak by him oer de flier. De prachtichste ferhalen skildert Skelte him foar. Bartele Bûse is in klassiker yn de Fryske jeugdliteratuer en no nei jierren wer beskikber yn de fjirde printinge. It is skreaun troch Berber van der Geest (1938-2019).

€ 15,00 Dingeman krijt wjukken 10+ De twadde printinge fan de klassiker oer Dingeman dy’t tegearre mei syn mem yn it saaiste hûs fan de stêd wennet. Op in dei krijt er in brief. Hy wurdt, mei noch alve oare bern, útnûge foar in simmerkamp op in spannende buorkerij ergens fier fuort. Dêr bist as bern hielendal eigen baas. Mar as er dêr oankomt blykt it hiel wat oars te wêzen…

€ 15,00

Annika: “Ik fyn dit in moai berneboek, om’t alles mooglik is. Fantasyen dy’t útkomme yn de foarm fan útfiningen of praten mei bisten. Dêrneist wurdt der op dizze manier praat oer serieuze ûnderwerpen út it libben, lykas pesten of de dea. It makket it boek tiidleas; fernimst net dat it yn ’e foarige iuw útbrocht is.”

Jesse 8+ Wêrom moast er sa hals-oer-de-kop ferhúzje en wurdt syn namme ynienen feroare yn Jesse? Joshua/Jesse hat it der dreech mei: de nijsgjirrigens fan de bern op it doarp, syn heit dy’t oppakt is, syn hûn dy’t net meiferhúzje koe en syn mem dy’t sa gau mooglik wer ferhúzje wol… Hoe slacht er him hjir trochhinne en wa kin hy fertrouwe? Lieke miskien? In famke dat ek oan de seedyk wennet. En dêr’t er ferlyfd op wurdt. Grietje: “It boek is sa skreaun dat je nei elk haadstik fierder lêze wolle wat der no barre sil.”

7

€ 14,00


10 leuke dingen om yn ’e hûs te dwaan It reint, it waait, it stoarmet en do hearst: ‘Meeeeemmm*, wat sille wy ris dwaan?’ No, wat tochtst hjirfan:

1. Bou in tinte yn ’e keamer Goai in âld lekken oer de tafel, in kleedsje en wat kessens derûnder en klear is jim smûke plakje! Hielendal leuk is it om in picknick te hâlden yn jim tinte, boekjes te lêzen of in filmmaraton te hâlden.

2. Meitsje in tekening op it rút Foar ien kear op it rút tekenje! Mei in spesjale rútstift kinne de bern harren mar útlibje. Op ynternet binne ek moaie foarbylden/sjabloanen te finen.

3. Kladderje yn in doaze Set de bern yn in grutte kartonnen doaze mei wat ferve of krytsjes en lit se de doaze moai opkleurje. Aldere bern kinne der ek rútsjes út knippe en sa in moai kastiel of hûs meitsje foar de hûn of kat. 8

*‘Heeeiiit’ kin ek, mar de kâns dat mem wat betinke moat is no ienkear grutter.


4. Sortearje op kleur Moai foar pjutten: meitsje fan ferskillende kleuren tape of papier rûnten dêr’t de bern allegear foarwerpen fan deselde kleur yn lizze moatte. In grien legoblokje, earmbantsje en kleurke yn de griene rûnte, in reade appel, sok, knoop en dop yn de reade rûnte.

5. Meitsje in XXL keunstwurk Lis in hiel grut fel papier of stik behang op ’e grûn en meitsje mei syn allen in grut keunstwurk mei ferve, stiften of kleurkes. Der binne ek moaie XXLkleurplaten te finen. Ek leuk: gean op it papier lizzen en lit de bern dyn lichem omlûke en moai ynkleurje.

6. Goai mei de dobbelstien Komme jimme der net út? Skriuw elk in aktiviteit op in papierke en plak dat op in grutte (selsmakke) dobbelstien. Om beurten goaie en dwaan wat op de dobbelstien stiet.

7. Meitsje it hûs skjin! Tinkst miskien dat gjin bern dêrfoar te porren is, mar faak fine (foaral de wat jongere) bern it hiel moai om te helpen mei skjinmeitsjen. Lekker feie mei in doekje of in biezem, de wask sortearje of ophingje. Aldere bern fine it faak leuk om der in wedstrydsje fan te meitsjen.

8. Bak in lekkere taart In klassike appeltaart, lekkere cake of in hearlik toetje foar jûns, in soad bern hâlde fan bakken en itensieden. Of lit de wat âldere bern sels minypizza’s meitsje fan pitabroadsjes en allegear soarten belis.

Oare opsjes: 11. Hâld in fotoshoot mei ferklaaiersklean (of stel dyn eigen kast beskikber) 12. Tennisje mei ballonnen 13. Darte, of balgoaie mei kleurde ballen

9. Bou in legodoarp

yn waskkuorren

Romje in tafel leech en lit de bern in gigantysk legodoarp meitsje. Ek in treintafel of puzeltafel is moai, hielendal as it spul de hiele fakânsje stean bliuwe mei.

14. Doch alle poppen/barbies yn bad 15. Meitsje in eigen band mei muzykynstruminten 16. Hâld in speurtocht yn ’e hûs 17. Doch yoga mei de bern 18. Meitsje in hindernisbaan 19. Doch ferstopperke yn it tsjuster

10. Of … doch de learzens en de reinjas oan en gean dochs lekker nei bûten!

20. Nifelje in spinneweb 21. Doch in spultsjemaraton 22. Hâld in stuolledûns 23. Lês in moai boek foar 9


Lindbergh

It grutte aventoer fan in fleanende mûs


Boekresinsje fan Simone Veenstra út Burgum:

Oant de mûzefal syn yntree die, wie it in gesellige drokke mûzebinde yn Hamburch. No is it rêstich en stil. De mûzen fiele harren net mear feilich en de measten flechtsje nei Amearika. Lytse mûs wol ek nei Amearika, nei syn freonen. Mar ienris yn de haven oankommen, wurdt er omjûn troch katten dy’t troch de oanrin fan mûzen in fêst plak by de boaten ynnommen hawwe.

It boek is in parody op it ferhaal fan de Amerikaanske piloat en pionier Charles Lindbergh. Hy wie de earste piloat dy’t (yn 1927) allinne yn in fleantúch de Atlantyske Oseaan oer fleach. Fan Amearika nei Europa. In reis dy’t 33 oeren duorre. Achter yn it boek wurdt de skiednis fan ’e loftfeart fierder besprutsen. Stijn wol dêr nei it lêzen fan it boek alles oer witte, dus dat is in noflike oanwinst.

De mûs besiket oan de katten te ûntkommen en komt yn it rioel telâne. Dêr sjocht hy foar it earst syn fleanende soartgenoaten. De flearmûzen. Dat bringt de mûs op in idee. Hy wol it fleanen leare! Sa kin er Amearika berikke en syn freonen weromfine. Oeral siket hy skroefkes, houtsplinters, tou en oare materialen om sels in fleantúch te bouwen. Sil it de lytse mûs slagje om in fleantúch te bouwen dat him feilich nei Amearika bringt?

De bern fine it ferhaal skitterjend en harkje der konsintrearre nei. In lytse mûs dy’t sa’n grutte útfining docht, sa knap! Soene der yn it echt ek mûzen wêze dy’t yn ’e huzen sykje nei lytse skroefkes en oare materialen om te brûken? En in reis hielendal nei Amearika… Hoe fier is dat eins?

Wat is It grutte aventoer fan in fleanende mûs in geweldich moai boek. It boek is yn A4-formaat en hat prachtige printen, drukt op stevich papier. It boek is allinne al fantastysk om nei te sjen. Wat kin dizze man moai tekenje. Mei-inoar ha we de filmkes fan ‘the making of’ fan ’e foarside op YouTube.nl besjoen. Sophie en Stijn wiene djip ûnder de yndruk. Wat hat Torben Kuhlmann in talint.

It diel oer Torben Kuhlmann achter yn it boek makket grutte yndruk op Stijn. Hy fynt it fantastysk dat dy man dit ferhaal betocht en tekene hat. Hy wol sels ek in boek skriuwe en dêr wurdt fuortendaliks oan wurke.

Simone is lid fan it Afûk-boekpanel. Liket it dy ek leuk om de nijste útjeften fan de Afûk thússtjoerd te krijen en dêr wat oer te skriuwen? Meld dy dan gau oan! Sjoch op www.heitenmem.nl foar mear ynformaasje. 11


snieflok happe, heit ynsjipje, op redens ride, de mûtse op. poeiermolke, spekulaaskes, en in waarm kopke beppesop. Lekker by de kachel sitte. smûk de kearskes oan, in sniepop yn ‘e tún en in wite tekken oer it lân. o winter, do bist sa gesellich gie dit mar nea foarby want winter, do bist

fantastysk wy genietsje sa fan dy! Dieuwke van der Meer

&


De meestgestelde vragen over meertalig opvoeden Meertalig opvoeden. Hoe doe je dat? Hierbij de meestgestelde vragen mét antwoorden voor je op een rijtje. Kunnen we ons kind de Friese taal meegeven, ook al spreken we zelf geen Fries?

Wat als maar een van de ouders de Friese taal spreekt?

Ja hoor. Er is genoeg hulp om je heen. Denk daarbij aan mooie prentenboeken, websites, apps en televisieprogramma’s. Maar ook Friestalige peuterspeelzalen, kinderopvang, buren en vrienden kunnen voor een Friestalige omgeving zorgen. En dan zijn er natuurlijk ook nog mogelijkheden om als ouder het Fries te leren.

Veel families in Fryslân spreken meer dan één taal en willen net als jij hun kind het beste van twee werelden meegeven. Het is wel het beste dat kinderen dezelfde taal gebruiken bij dezelfde persoon. Maar er zijn geen vaste regels, je kunt hierover zelf afspraken gaan maken.

Wanneer kunnen we het beste Fries beginnen te spreken?

Zullen mijn kinderen twee talen net zo goed leren als één?

Hoe eerder, hoe beter. Je kunt gerust vanaf de geboorte al beginnen. Kleine kinderen pikken een taal op zonder dat ze het zelf doorhebben. Hoe jonger ze zijn, hoe makkelijker het voor iedereen is.

Zijn meerdere talen niet verwarrend voor kinderen?

Er is geen limiet aan wat een kind aan talen kan leren. In sommige landen spreken hele jonge kinderen drie of vier talen. Meestal helpt de ene taal de andere, en wordt het gemakkelijker om andere talen te leren.

Nee! Wanneer kinderen woorden en talen doorelkaar halen, betekent dat niet dat het verwarrend voor hen is. Dit hoort gewoon bij het leerproces. Wanneer ze ongeveer vier jaar zijn, zullen ze de talen beter kunnen scheiden. 13


Krysttradysjes Wat dogge de measte Nederlanners mei de krystdagen? En dogge in protte Friezen wat oars, tinkst? Tsjek ûndersteand listke om út te finen oft jim thúsfavoryt der ek by stiet!

1

Krystbeam fersiere

2

Femke: ‘Wy jouwe de bern mei de kryst altyd in boek. Ik plan in middei frij en gean op myn gemak nei in grutte boekhannel yn ’e stêd en sykje dan krekt salang oant ik dat iene boek fyn, dêr’t ik myn dochters bliid mei meitsje. En en passant hoopje ik dan ek noch in hearlik itensiedersboek foar myn partner te finen.

Foute krysttrui oan

3

Kearskes oanstekke

Judith: ‘By ús mochten de bern elk jier in bal útsykje. No’t se hast folwoeksen binne, tsjekke sy altyd wer oft har eigen bal ek yn ’e krystbeam hinget. Sweet memories!’ 14


Goermetsje mei de famylje Yn it bûtenlân hawwe se sa har eigen tradysjes!

4

Krystbrochje moarns

5

Yn Fenezuëla roltsjeride se de kryst temjitte. Tusken 16 en 24 desimber binne de strjitten yn de haadstêd Caracas ticht foar auto’s. Rom baan foar de tsjerkegongers op rollerskates!

6 Dreame fan in wite kryst

Yn Japan wurdt massaal iten by KFC, nei in reklamekampanje fan dy fastfoodketen. Moatst al yn oktober reservearje ast ek oan dy tradysje meidwaan wolst.

All you need is love-krystspecial sjen

7

8

Yn Slowakije en de Oekraïne foarspelle se it takomstige gelok mei de krystpudding. De âldste man yn de famylje mei in leppel pudding tsjin ’t plafond goaie. Hoe mear pudding der oan it plafond hingjen bliuwt, hoe mear gelok!

Nei de krysttsjinst/mis yn tsjerke

9 Spultsjes dwaan

10 Krystfilm sjen

Jólabókaflóð is de krysttradysje yn Yslân. Yslanners binne sljocht op lêzen. Per haad fan de befolking rôlje dêr de measte boeken fan ’e wrâld fan ’e parse. Yn Yslân wurde mar ienris yn ’t jier boeken útjûn, krekt foar krysttiid. Dat is net foar neat: yn Yslân is it tradysje om inoar dan in boek kado te dwaan. Dy boekefloed hat in eigen namme krigen: Jólabókaflóð. Op krystjûn wurde de boeken útwiksele, sadat elkenien de rest fan ’e jûn lekker lêze kin, mei in kopke poeiermolke derop ta. Wat in goed idee soe it wêze om dat ek yn Fryslân yn te fieren! Sjoch hjir foar de desimbertop 10 fan Fryske boeken: https://websjop.afuk.frl 15


Ik en myn bear Rixt Wassenaar (doe 11 moanne) út Frjentsjer - Us Rixt mei mar al te graach krûpe mei har grutte knyn

Xavinn de Jong (9 wike) út It Hearrenfean - Dit is Xavinn met zijn favoriete beer.

Féline de Boer (6 moanne) út Holwert - Haar eerste knuffel en nog steeds favoriet!

Nova de Vries (4) út Steenwijk - Samen met beer in haar Hema-pyjama.

Durk Pieter Hijma (8 moanne) út Rinsumageast - Durk Pieter krûpt altyd hearlik mei syn knyn. Tomke yn de mûle en krûpe/koese.

Wende Guldemond (1,5) út Berltsum - Yn dreamelân, ús lytse spookje mei har eigen spookje.

Bauke en Bente Sieperda (2,5 jier en 7 moanne) út Lollum - Bauke en Bente hawwe grutte lol mei de bear dy’t se fan tante Lisa krigen hawwe. 16

Niecke Drenth (2) út Ie - Dit is Niecke mei har twa knuffels, dêr’t se net sûnder kin. Knyntsje en menear Banaan.

Lieke Féline Kooistra (3) út Easternijtsjerk - Lieke en har ‘Mine’.

Benthe de Haan (3) út De Harkema Aapie wie derby op 9 oktober, de jierdei fan oerbeppe Zus (92) en Benthe (3).


Herre Visser (10 wike) út Hallum - Herre is noch mar 10 wiken âld en sljocht op syn koesie (in lytse foks). As hy yn de widze leit en net koese kin dan lizze wy syn koesie tsjin him oan en falt hy sa yn sliep.

Silke Pander (3) út De Westereen - We hadden een fotoshoot gewonnen maar onze, anders altijd zo vrolijke meid niet. Op elke foto houdt ze haar Miene vast alsof haar leven ervan afhangt! De enige troost op het kistje eenzaam midden in een weiland nabij Kollumerpomp.

Ivo Jille Wijntjes (1) út Achterveld - Ivo is op de foto 11 maanden. Hij kruipt zelf op het bankje om naast de beer te gaan zitten.

Ylse Hiemstra (4) út Mantgum - Dizze pop wie mei har poppememke op fakânsje yn de tipy.

Jitse-Jan de Boer (4 moanne) út Donkerbroek - Us Jitse-Jan hâldt fan syn rûpke.

Tsjietse Veenstra (3) út Bûtenpost - Tsjietse sliept graach mei Nijntje. 17

Lize Janne Visser (1) út Makkum - Lize wie har Bumbaknuffel by pake en beppe ferjitten. Doe’t se wer by pake en beppe kaam, moast Bumba fansels fuortendaliks mei op bêd. Doe’t ik letter even om it hoekje seach, trof ik se sa oan tegearre. Is it net leaf?

Gerben Jan Dijkstra (5) út Eanjum - Gerben Jan mei syn ‘grutte bear’ nei swimles. ‘Kijkles’ foar âlders koe troch de koroana net trochgean. Bern mochten dêrom dizze kear harren knuffel meinimme.

Iwan van Kammen (1) út Burgum - Iwan mei syn krûper ‘Romke’.


Feest en fertriet yn desimber As it gesin net mear kompleet is


feestmoanne. Foar de famylje Bierma út It Hearrenfean sil it noait mear wêze sa’t it wie. Ofrûne augustus is harren jongste soan Diemer ferstoarn.

De desimbermoanne, se seagen der altyd sa nei út. De gesellichheid, it byinoar wêzen en alle tradysjes deromhinne. Mar no is alles oars as oars. Der mist in belangrike skeakel yn it gesin. It broerke fan Melle (8) en Siem (5) sil der net mear by wêze. Hoe sille se desimber dit jier belibje? Diemer wie in leuk, sûn en gesellich jonkje fan trije jier. Wol hie er astma. Hy hie sa no en dan in astmaoanfal en hiel soms wie it sa slim dat er nei it sikehûs ta moast. Mar bûten dat om wie it in sûn jonkje. Midden augustus hie er nei in waarme dei wer in astmaoanfal. Mem Sandra fertelt: ‘Dat hie er wol faker en wy wisten dan: it wurdt efkes in minne nacht. Wy moasten him der dan even trochhinne lûke en him wat ekstra pufkes jaan. Nei sa’n nacht wie er der yn ’e regel wol wer.’ Mar dy nachts waard er ynienen wol hiel benaud en dus besleaten Sandra en Douwe om de dokterswacht te beljen. Mar op it momint dat Sandra him yn har earms naam, draaide er syn eagen fuort en stoppe er mei azemjen. De Bierma’s wenje praktysk neist it sikehûs, dus ha se him dêr sels hurd hinne brocht. Sandra: ‘Fansels wie ik yn panyk. It wie hiel heftich en ûnwerklik. Mar om’t ik altyd ferpleechkundige op de intensive care west ha, koe ik gelokkich in adekwate oerdracht jaan.’ Ofskied Yn it sikehûs is Diemer reanimearre. Syn hert kaam wer op gong en hy kaam oan de beäzeming, mar syn harsens hienen troch de reanimaasje en soerstoftekoart flink skea oprûn. Hy is doe oerdroegen nei it ‘Kinder-UMCG’ yn Grins. Dêr hat er noch acht dagen lein. ‘Do wolst op sa’n momint mar ien ding,’ sa fertelt Sandra, ‘en dat is dat dyn bern wer wekker wurdt en libbet. Myn man Douwe en ik probearren hoop te hâlden, mar wy beseften ek: dit koe wolris net mear goed komme. De dokters fertelden ús op ’t lêst dan ek dat Diemer net mear wekker wurde soe. Wy moasten ôfskied fan ús Diemer nimme. De hiele famylje kaam del om him noch ien lêste krûp te jaan. Doe’t de beäzeming ôfkeppele waard, binne Douwe en ik neist him lizzen gongen. Hy hat noch tsien oeren libbe. Op 20 augustus is Diemer yn ús earmen ferstoarn.’

19

Skriuwer: Dieuwke van der Meer Fotograaf: Hippe Kiek Fotografie

Desimber is foar in hiel soad minsken in ûnbesoarge


‘ Litte wy der in gesellige tiid fan meitsje, mei Diemer yn ús hert.’

Mei Diemer yn ús hert Der is in soad fertriet yn ’e hûs. Mar troch it ritme fan it alledeiske libben fynt de famylje Bierma de krêft om wer fierder te gean. Sandra: ‘Us bern moatte nei skoalle, swimles, fuotbal en reedriden. Hoe lestich en fertrietlik it ek is om’t ús Diemer der net mear by is, wy moatte wol troch foar ús oare bern. Melle en Siem ha it rjocht om in moai libben te hawwen en dêr wolle wy dan ek bewust foar kieze. Ek wat desimber oanbelanget ha wy sein: litte wy der in gesellige tiid fan meitsje, mei Diemer yn ús hert.’ Diemer is derby It iene momint sitte de bern fol fragen en binne se sá fertrietlik. En it oare momint binne se wer moai oan it boartsjen. Mar Diemer is der op ien of oare wize noch altyd by. Sandra: ‘As de bern sinteklaaskadootsjes útsykje, sizze se ek: “Oh, dit soe Diemer wol ha wolle.” Of as Siem wat fan de Lego bout, dan bout er ek wat foar Diemer. En lêsten tekene Siem in raket sadat er syn broerke efkes opsykje koe yn de himel.’ Melle is wat âlder en dy giet der wer hiel oars mei om. ‘Yn it spultsje “Minecraft” hie er de útfeart fan Diemer neiboud en op de app TikTok hie er set: “Mijn broertje is overleden.” Sa hat elk bern wer syn eigen wize om dermei om te gean.’ Dat Diemer noch faak by it boartsjen fan de bern belutsen wurdt, fynt Sandra ek wol hiel moai omdat der dan fuort in yngong is om in petear mei de bern oan te gean.

‘It fertriet hat ús echt ferbûn.’ Hoewol’t it ferstjerren fan Diemer in protte fertriet meibringt, bringt it ek in protte moaie dingen. ‘Us famylje wie al hiel close,’ sa fertelt Sandra, ‘mar it hat ús noch tichter byinoar brocht. It fertriet hat ús echt ferbûn. En der binne safolle leave minsken om ús hinne dy’t wol wat foar ús dwaan wolle. Wy ha wol 700 kaarten krigen. Soms stiet der ynienen waarm iten by de foardoar of komt der spontaan ien del om ús in dikke krûp te bringen. Desimber sil swier wurde, mar ek waarmer troch alle petearen. It sil dreech wurde, mar ek sa bysûnder om’t wy ús der no hiel bewust fan binne dat it libben kwetsber is, mar tagelyk ek prachtich, en dat wy safolle ha om tankber foar te wêzen.’

20


Diemer rûn foarich jier yn desimber hieltyd mei syn krystmûtske om.

Krysttradysjes Diemer leit op in natuerbegraafplak yn Nijhoarne. Dêr stiet ek in blokhut. Nei de útfeart hat de famylje dêr mei sjampanje proast op it libben. Sandra: ‘Dat wie it momint dat wy seinen: litte wy inoar as gesin en famylje stypje en der mei ús allen foar gean.’ It is in prachtich plak dêr’t se noch faak komme. Dat wolle se ek yn desimber dwaan bliuwe, sadat se Diemer ek yn de feestlikheden belûke kinne. Bygelyks troch in sinteklaaskadootsje op syn grêf del te setten, in kearske mei te nimmen, mei-inoar krystferskes te sjongen en waarme poeiermolke te drinken.

‘ Op de app TikTok hie er set: “Mijn broertje is overleden.”’ De bern fan Douwe en Sandra mochten alle jierren foar de krystdagen in krystbal útsykje. Dit jier sille de broers fan Diemer syn krystbal útsykje en yn de krystbeam ophingje. Mei de kryst sille Sandra en Douwe mei de bern Diemer syn fotoboek besjen, dat sy spesjaal makke ha fan syn libben. Sandra: ‘Wy wolle de bern meijaan dat der oer Diemer praat wurde mei, dat der fertriet wêze mei, mar dat der ek noch altyd romte is foar feest. Wy hoopje dat de bern dan letter sizze kinne dat se it moai fûnen dat Diemer der dochs noch altyd in bytsje by wie.’

21


It spegelbyld fan Gabe Ik woe wol mei de holle op ’e tafel bonke. En as dêr gjin board tomatesop stien hie, hie ’k it leau ’k ek noch dien. Wat in saaie krystjûn. Noch slimmer as oare jierren. Ik fûn dit nije hûs lang sa gesellich net as ús âlde rychjeshúske. It wie grut, mei lange wite muorren. En dan dy nuvere skilderijen dy’t heit kocht hie. Krekt as wie der in aap troch de ferve fytst. ‘Abstrakt,’ neamde heit se. Stom, fûn ik se. Mar it alderstomste fûn ik de kroanluchter dy’t heit sels boppe de itenstafel ophongen hie. In goudkleurich gefaarte mei acht glêzen tsjelken en kristallen kralen rûnom. Sa’n ding ferwachtest earder yn it spûkslot fan de Efteling as yn in wenkeamer. Mar heit hie him op ’e kop tikke yn in hiel djoere winkel en fûn him fantastysk. Nee, ik fielde my hjir noch lang net thús. Der wiene twa ljochtpuntsjes: ús machtich moaie krystbeam yn ’e hoeke fan ’e keamer. En dat mem noch gewoan normaal die, no’t heit direkteur fan syn firma wie. Ik sloarpe mei opsetsin fan it sop. Ik wie as lêste klear. De oaren hiene allegear it board al leech. Sels lytse Ilse, dy’t foar my oer siet op har trip-trap-stoel. Se koe sels har leppeltsje al beethâlde. Bêst knap, foar ien fan oardel jier. Ilse prúste trije kear. Se luts har noaske sa grappich op, dat wy allegear laken. ‘Proost, puk,’ sei mem wylst se de sopboarden opsteapele. ‘Trije kear prúste betsjut dat der in ingel yn ’e buert is.’ Dat sei mem altyd. Mar ik hie noch noait ien sjoen. De belle dingdonge. Wy seagen inoar freegjend oan, want wy ferwachten net ien. Mem rûn nei de doar. Foardat heit sizze koe dat ik sitten bliuwe moast, gong ik achter har oan. Ik bin gek op ferrassingen. Ik werkende omke Flip daalk, ek al hie er in wite duffelske jas oan, wêrtroch’t er krekt in iisbear like. Omke Flip wie wat maf. Mar ik wie gek op him. Mem mocht him ek wol lije. Us heit sei dat er him in kwibus fûn, ek al wie ’t syn eigen broer. Wy seagen him soms in pear jier achterinoar net, omdat er wurke by in sirkus dat de hiele wrâld oer reizge. Omke Flip plante syn rêchpûde op ’e stoepe en rôp: ‘Surprise!’ ‘Wat moai datst delkomst, Flip,’ rôp mem. Ik wist dat se it miende. ‘En dat op krystjûn. Kom der gau yn. Wy wiene noch mar krekt oan it krystmiel begûn. Wy sette der fuortdaalk in stoel by.’ Se ferdwûn yn omke Flip syn hertlike iisbear-omearming. ‘Kinne der ek twa stuollen by?’ frege omke Flip. ‘Ik haw ien meinommen.’ 22


Mem en ik dikeren om omke Flip hinne. Underoan it stoepke stie, heal ferburgen yn ’e swarte nacht, in man. ‘Fansels is dyn freon ek wolkom,’ sei mem hertlik en se loadste omke Flip en syn gast it hûs yn. ’t Is een vreemdling zeker, die verdwaald is zeker, tocht ik noch. Mar ik sei it net. Doe’t de frjemdling yn ’e hal stie, seach er wat ûnwennich yn ’e rûnte. Hy stuts ôf tsjin ús nije moarmeren flier en frisferve muorren. Hy hie wyld griis hier en in stikelkin. Syn oerjas stie stiif fan ’e smoarchte. Hy stonk. Mem joech gjin krimp. Se stuts har hân út nei de âlde swalker. ‘Wolkom,’ sei se. ‘In freon fan Flip is in freon fan ús. Ik bin Els Berga. En dit is Leony.’ ‘Dach,’ sei ik. Ik joech gjin hân. De swalker fûstke mei mem. ‘Gabe,’ stelde er him foar. ‘Ik kaam Gabe tsjin op it stasjon,’ sei omke Flip fleurich. ‘It perron is gjin plak om krystjûn troch te bringen, fynst wol? Dat ik sei tsjin him: “By myn broer is wol plak yn ’e herberch.”’ ‘Sa is ’t,’ sei mem dapper. Wy rûnen nei de wenkeamer. ‘Frits, wolsto efkes twa stuollen út it kantoarke helje? Wy hawwe twa iters. Jim Flip, en in freon, is dat net aardich? Wachtsje, ik rin eefkes mei dy mei. Sa werom hear,’ sei se tsjin de nijkommers. Mem prate fluch en tefolle, grif om derfoar te soargjen dat heit gjin ferkearde dingen sei. Heit seach ferbjustere oer ’t skouder doe’t mem him de keamer úttreau. Ik gong mar wer op myn stoel sitten. Lytse Ilse stuts har hantsje út nei de swalker. ‘Kûch, kûch,’ sei se. Ik moast laitsje. ‘Kûch’ wie Ilse har wurdsje foar ‘fûgel’. Se koe noch net sa goed prate. Mar ik begriep har meastal aardich. ‘Nee ju,’ sei ik tsjin myn suske. ‘Dat is gjin fûgel. Dy menear hjit Gabe.’ ‘Nee, isse kûch!’ hold Ilse eigenwiis fol. Mem en heit kamen elk mei in stoel werom. Heit seach swart. Mem gedroech har as de ideale gastfrou. Nei in protte skowen sieten wy allegear teplak. Omke Flip kaam nêst my te sitten en Gabe foar him oer. Ilse siet no tusken de swalker en mem yn. Troch it ljocht fan de kroanluchter dy’t krekt boppe har hong, liken har kroltsjes wol fan goud. Mem helle skalen fol lekker iten út ’e keuken. De tafel kaam fol te stean. Kalkoen, rollade, puree, patat, slaad, stoofparkes. It wetter rûn my yn ’e mûle. Elk skepte op en die him te goed. Ilse treau sels patatsjes yn ’e mûle. Omke Frits en Gabe ieten beide as turfgravers. Doe’t Ilse har boardsje leech hie, seach se mei it holtsje skean wer nei Gabe. ‘Aai, aai,’ sei se. ‘Iese aaie kûch!’ ‘Ilse wol fûgel aaie,’ fertaalde ik automatysk. ‘Ê ju. Gabe is gjin fûgel,’ sei ik wer. Gabe fage syn hannen oan ’t servet ôf. ‘Mei ’k har eefkes fêsthâlde?’ sei er. En foardat heit of mem in smoeske betinke koene, luts er mei syn smûsterige hannen Ilse út 23


’e trip-trapstoel en sette har op ’e knibbel. Ferbaasd betocht ik dat Ilse, oars nochal ienkennich, gjin sprút bang wie fan de nuvere swalker. ‘Aaie kûch,’ sei se en se lei har hantsje tsjin syn kaktuswang. Op dat stuit kaam de kroanluchter nei ûnderen, mei in donderjend geraas. Hy knalde del op de trip-trap-stoel dêr’t trije tellen earder Ilse noch sitten hie. De diggels spatten yn 126 ’e rûnte. De stoel kreake en der fleagen houtsplinters ôf. Oeral lei glês. It wie in ravaazje. Wy gappen nei de siken fan skrik. Ilse begûn te gûlen. De swalker joech har oan mem, dy’t myn lytse suske beskermjend tsjin har oantreau. ‘As jo har net út ’e stoel helle hiene ..,’ stammere mem. Dêrmei sei se wat wy allegear tochten. As Ilse yn har trip-trap sitten bleaun wie ... Nei it opromjen fan de brol waard de krystjûn dochs noch in grut sukses. Omke Flip fertelde sterke ferhalen en learde ús krystferskes út fiere lannen. Sels heit song mei. Heit nûge omke en Gabe út om sa lang útfanhûs te bliuwen as se woene. Omke Flip naam de útnûging oan, mar Gabe woe leaver opstappe oan ’e ein fan ’e jûn. Mem en ik lieten him út. Doe’t mem him nochris wiidweidich betanke foar it rêden fan Ilse, dwaalden myn eagen ôfwêzich oer de grutte halspegel. En wat ik doe seach ... It spegelbyld fan Gabe hie twa metershege wjukken op ’e rêch. In tel fong ik de wûnderlike refleksje op. Net langer. Doe stapte Gabe de pikswarte nacht wer yn.

It spûkskip 10+ 25 jier lyn ferskynde it earste berneboek fan Lida Dykstra. Om dat te fieren, binne 25 fan har moaiste ferhalen, troch de jierren hinne al earder ferskynd yn tydskriften lykas Holder, Switsj, Tsjek en LinKk, bondele yn dit boek. De ferhalen geane oer fan alles en noch wat: in famke fan tsien dat trouwe moat, in âlde ezel dy’t him net begrave lit, in spûkskip, in ingel dy’t op besite komt, in oaljefant dy’t in auto plettet… Mar oft har ferhalen no grappich, grizelich of oangripend binne, skriuwster Lida Dykstra wit de lêzer troch har linige en meinimmende skriuwstyl hieltyd wer te ferrassen. Wieke: “In boek mei ferskate ferhalen, geskikt foar bern út de heechste groepen fan de basisskoalle. Foar elk is der wol in ferhaal dat oansprekt.”

€ 14,95

Gwen (12): “Ik vond het een leuk boek vooral omdat het allemaal kleine verhaaltjes heeft, dat maakt het boek leuk!”

24


Kadotips foar de feestdagen

Alle boppesteande kadotips binne te bestellen fia websjop.afuk.frl


Pyt Pytsoe soetetefytsen fytsen doe doeknapte knaptesyn synbân. bân. Doe Doemoast moastererwol wolrinne, rinne, mei meidedefyts fytsoan oan’e’ehân. hân. Pyt teynyn fytsen HyHysoe kaam kaam ’e’ebuorren, buorren, doe en knapte syn bân. ensei seitsjin tsjin dedesmid: smid: moast IkIkDoeleau leau dat daterder derwolynynrinne, myn mynachterbân achterbân mei de infyts oan ’e hân. inpipernutsje pipernutsje sit. sit. Hy kaam yn ’e buorren, enDeDeseismid tsjin de smid: smid moast moast wol wollaitsje laitsje Ik leau datmar der yn myn deachterbân marplakte plakte debân. bân. in Doe pipernutsje sit. Doekoe koePyt Pytwer werfytse fytse troch troch’t’thiele hieleFryske Fryskelân. lân. De smid woloer laitsje Oer Oermoast Akkrum, Akkrum, oer Jirnsum, Jirnsum, marbybyplakte bân.ititdak Boarn, Boarn,deoer oer dak DoeBrocht koe PytPyt Brocht Pytwer opopfytse syn synfytske fytske troch ’tdede hiele Fryske lân. pakjes pakjes teteplak. plak. Oer Akkrum, oer Jirnsum, by Boarn, oer it dak Brocht Pyt op syn fytske de pakjes te plak.

&

& &


De skoechkadootsjes

TOP 5!

Tomke massaazjekaartsjes € 9,95 Dizze Tomke-massaazjekaartsjes kinst thús brûke, mar ek op skoalle, by de berne-opfang en op pjutteboartersplakken. Massearjen is in hiele aardige manier om rêst, ferbûnens en feilichheid te kreëarjen yn dyn groep en yn dyn gesin. Planblok: ‘In dei om nea(t) te ferjitten € 2,50 Dit moaie Fryske planblok is ideaal om dyn dei goed te plannen. Op it planblok steane de dagen fan de wike plus in ôffinklistke en it hat noch romte foar betinksels. It planblok is op A5-formaat en hat 50 siden. Romte genôch dus foar al dyn notysjes, krabbels en tekeningen! Fan de lytse mol € 6,95 Doe’t de lytse mol op in dei syn kop boppe de grûn stuts om te sjen oft de sinne al opkaam wie, barde it folgjende: It wie rûn en brún, like in bytsje op in woarst en it slimste wie: it foel krekt op syn kop. Mol giet op syk nei de dieder… Tomke - Wolkom Sinteklaas € 2,50 Tomke hat wat bysûnders foar jim: in spesjaal Sinteklaasskoechboekje! In boekje mei ferhaaltsjes, ferskes, spultsjes en kleurplaten. Leer je hond Fries € 4,95 Altijd al Fries willen leren, maar niemand om mee te oefenen? Voor hondenbezitters hebben we de oplossing: ‘Leer je hond Fries’! Met dit boekje leer je jezelf, en je hond, stap voor stap Friese woorden en zinnen. Wees gewaarschuwd, je hond leert het misschien sneller dan jij! Een leuke manier om Fries te leren, zonder dat je je hoeft te schamen voor je uitspraak.

Alle boppesteande skoechkadootsjes binne te bestellen fia websjop.afuk.frl 27


Prikkelber yn desimber Jim hawwe der sa nei útsjoen: frij wêze, in spultsje dwaan, en mei syn allen wat lekkers ite en drinke. Sinteklazejûn fiere mei kadootsjes, de ljochtsjes yn de krystbeam oan en lekker meisjonge op de winterwûnderhits op ’e radio. Bern en âlden sjogge út nei de fakânsje, mar foar guon bern is it in drama, worst case scenario. Gjin ritme, gjin regelmaat, gjin juf, gjin gymnastyk, gjin bôletrompke mei en gjin freontsjes. Bern kinne folslein fan ’e mik reitsje, wurde boas, brutaal, en lústerje? Ho mar!

Tips om mei syn allen de feestdagen noflik troch te kommen: Tariede Kinst him* ek fertelle en sjen litte wat der barre sil? Besykje konkreet te wêzen, bygelyks: • Hjir set Sinteklaas de kadootsjes del, dan sitte wy by de tafel en pakke wy se út. Dêrnei... Of: Hjoed en tongersdei meist dyn skoech opsette. As bern it spannend fine dat Sinteklaas yn ’e hús komme kin, kinst de skoech ek yn de garaazje of bûten ûnder in ôfdakje delsette. • Moarn komt de krystbeam deryn, dêr sette we ’m del en dan helje wy de krystfersiering fan boppen. Mem helpt mei de ljochtsjes en jim meie de ballen deryn hingje. • Bepraat wat der fan him ferwachte wurdt. Lit sjen wat jim aanst ite of dwaan sille en praat oer de besite dy’t komme sil. Lytse dingen binne ek belangryk. Moat er in hân jaan, mei hy game as der besite is? Asto him fertelle en sjen litte kinst watsto fan him ferwachtest, dan hat hy aanst minder tiid nedich om te skeakeljen. As alles west hat, kinst nochris tegearre beprate hoe’t jim soan of dochter it belibbe hat. Beneam watst sjoen hast en jou in komplimint oer wat goed gongen is.

2 Rûtine Is it ek mooglik om de rûtine yn iten, sliepen en frije tiid fêst te hâlden? Sjocht hy alle dagen foar skoalle noch even telefyzje, set dy dan yn de fakânsje ek oan op dy tiid, lês jûns foar as jim dat altyd dogge. It sprekt fansels dat ek op ’e tiid op bêd in (hearlike) rûtine is, dêr’t bern ferlet fan hawwe. Krekt sa mei sûn iten. Yn de desimbermoanne wurdt der in soad snobbe en krije bern 28 28


Massearjen jout rêst! Dizze Tomke-massaazjekaartsjes kinst thús brûke. Massearjen is in hiele aardige manier om rêst, ferbûnens en feilichheid te kreëarjen. Undersyk hat útwiisd dat bern dy’t leafdefol oanrekke wurde, better sliepe en leare, dat se har eigen grinzen en dy fan oaren better respektearje en har better bewust binne fan harren eigen liif. De Tomkekaartsjes binne te bestellen fia websjop.afuk.frl

in protte sûkers binnen. De gefoelige bern reagearje dêr meast net goed op. Besykje de regelmaat ek yn (sûn) iten deryn te hâlden, sadat sy minder sin oan swiet hawwe. Faaks hasto ferlet fan out-of-the-box en bûten de kaders yn de fakânsjetiid, mar foar jim bern jout rûtine hâldfêst. Dikke winst dus foar elkenien.

3 Rêst Rêst is belangryk. Jim bern sit yn it sintrum fan in spannende tiid. Halloween, Sint-Marten, Sinteklaas, Kryst en âld en nij folgje inoar op yn giselfeart. Foar bern fielt it as in orkaan fan prikkels. Plan rêst yn en lit him, as it kin, bûtenboartsje, of gean tegearre in eintsje om. As jim bern graach telefyzje sjocht, lit him dêrby dan ek even gewurde en ast al wat freegje wolst, meitsje earst even eachkontakt. Dat skeelt yrritaasje fan beide kanten. Fansels is de wenkeamer it sintrum fan de feestdagen mei protten pakpapier, slingers, nifelwurkjes ensfh. Mar it jout ek ûnrêst. Troch op te romjen komt der wer lucht en romte yn ’e keamer en yn de bernehollen.

4 Mei syn allen Mei syn allen it Sinteklaassjoernaal sjen, kin bern in gefoel fan feilichheid jaan. Wurdt it hiel spannend, fertel him dan dat it by Sinteklaas altyd wer goed komt! It is leuk om mei syn allen oan itselde te wurkjen. Besykje jim soan of dochter te belûken by de plannen, en as der dan wat te kiezen falt, wurdt it noch leuker foar se. ‘Wolst helpe mei it waskjen fan de griente, of wolst de boarden op tafel sette? Of wolst de besite traktearje op wat lekkers, of spultsjes út de kast klearlizze? Kieze te kinnen jout in gefoel fan kontrôle en belutsenheid, en dat fielt goed!

5 Genietsje It slagget net om altyd perfekt te wêzen. As dêr begryp foar is, wurdt akseptaasje makliker. It is ommers ek logysk dat it jim bern, dy of dyn partner sa no en dan oer de hege skuon rint. As it al te mâl giet, fertel him dan wêrom (wat is ek mar wer de regel?) en jou oan hoe’t it oars kin. Faaks dat jim soan of dochter sels meitinke kin oer in oplossing? Besykje fral te genietsjen fan dizze bysûndere tiid mei syn allen. It wurde oantinkens foar letter! *foar ‘him’ kin op alle plakken ek ‘har’ of, genderneutraal, ‘it’ lêzen wurde. Dêr wurdt it bern bedoeld. 29


Wa stjoersto dit jier in kaartsje? Dizze Fryske sinteklaas- kryst- en nijjierskaarten binne foar mar 1 euro it stik te bestellen fia websjop.afuk.frl of te krijen yn de Afûkwinkel yn Ljouwert.


Bernepraatsjes Hat dyn bern ek fan dy útsûnderlike útspraken? Mail se gau nei ynfo@heitenmem.nl.

‘Oooh,’ seit Lotta (doe 5 jier) as se troch it rút sjocht, ‘ús buorjonge hat in scootmobiel krigen fan Sinteklaas!’ (in space scooter)

Elbrich (5) hat in nij Lego Friends hûs: ‘Sjoch mem, der sit ek in opslotsje by!’ (Kaai)

Een leerling van groep 3 vertelde wat hij graag voor Sinterklaas wilde: ‘Zo’n hele snelle racebaan die wel 6 loempia’s maakt!’

Bram (7): ‘Ik wit wa’t de earste minsk op de ierde wie... Sinteklaas! Want dy is hiel âld!’

Mem seit tsjin Imre (2) dat se no echt op bêd moat, want it wurdt bûten sels al tsjuster. Dêr wit Imre wol in oplossing foar. ‘Dan dogge wy it ljocht toch oan!’

Jenny (3) helpt mem mei it itensieden. Mem seit: ‘Oh, wat rûkt dit lekker, ik ha sa’n sin oan wat! Do ek?’ ‘Ja,’ seit Jenny, ‘ik ha sin as in baarch!’

Johannes (6) oan ’e ein fan desimber: ‘Mem, ik ha écht eksotysk folle playmobil!’

Us Femke (3) wie mei har beppe en broerke in blokje om. Doe’t Femke wat te ticht by de auto lâns fytste, sei beppe ‘Tink derom Femke, aanst in kras op de auto!’ Wêrop’t Femke seit: ‘Ja, dan is it in crossauto!’

31


De grote checklijst voor

pakjesavond! Op tijd beginnen en goed plannen zorgt voor een zorgeloos sinterklaasfeest. Heit&mem helpt je een handje op weg met deze checklijst.

lannen maken, wie zijn erbij op pakjesavond? P Is iedereen op de hoogte?

De sinterklaas-aftelkalender ophangen

J e kinderen een verlanglijstje laten maken (misschien iets wat ze nodig hebben, iets wat ze willen, iets om te dragen en iets om te lezen?)

Het budget bepalen

pschrijven wie graag wat wil krijgen van Sinterklaas O (vergeet de schoencadeautjes niet!)

interklaasspullen tevoorschijn halen S (boeken, verkleedkleren, decoratie enz.)

In je agenda zetten wanneer welke evenementen zijn

Sinterklaasverhaaltjes voorlezen aan je kinderen

Sinterklaasmuziek luisteren en lekker meezingen

32


Download fergees dizze Sinteklaasôftelkalinder op Tomke.frl!

Sinterklaasfilms kijken

Inpakpapier halen

adeautjes halen (vergeet de winkels C uit je buurt niet te steunen)

Cadeautjes inpakken

Gedichten schrijven / surprises maken

oodschappenlijstje maken voor pakjesavond B (pepernoten, lekkere hapjes en drankjes)

Op tijd de boodschappen halen

p tijd alles klaarzetten voor pakjesavond O Denk daarbij aan een dobbelspel, een playlist met sinterklaasliedjes, lekkere hapjes en drankjes en een doos voor het oud papier.

Zorgeloos genieten van je kinderen en het feest 33


Sinteklaas gedichten Hoe makkest in moai Sinteklazegedicht? Wy kinne dy helpe. Hjirûnder fynst in pear tips en trúks.

Wêr wolst oer skriuwe? In wurdfjild kin helpe. Betink alfêst in oantal wurden dy’t derby hearre; wurden dy’t by it kadootsje passe, wurden dy’t by de persoan passe of assosjaasjes dy’t de wurden oproppe.

Slagget it om fan de trefwurden lytse gedichtsjes fan sa’n 4-6 rigels te skriuwen? Skriuw yn goed rinnende sinnen, gjin ‘krompraterij’! De ferskes kinne letter as boustiennen tsjinje foar it komplete fers.

Orizjinele rymwurden binne leuker as de gongbere. Fynst dat dreech? • Sykje dan op synoniemen.net of yn in online rymwurdboek foar wat ynspiraasje. • Kinst wurden yntikje yn de nije app fan Praat Mar Frysk foar in oersetting. De app is te finen yn de Apple-store en yn de Android Market. • In oare fantastyske help is www.taalhelp.frl foar oersettingen en in wurdboekportaal.

Kies óf foar in strak rymskema, bygelyks A-B-A-B, of lit it folslein los. In strak skema is ritmysk, helpt mei ’t skriuwen en foar de foarlêzer is it makliker: hy wit wat hy ferwachtsje kin. De losse fariant is ferrassend en lûkt de oandacht fan it publyk. Ritme is belangryk yn in gedicht, foaral foar de foarlêzer. Lês it gedicht sels earst in pear kear lûdop.

As alle trefwurden útwurke binne yn lytse gedichtsjes, set se dan yn in logyske folchoarder. Soargje oan ’e ein foar in leuke útsmiter: in teaser of in komplimintsje! 34


Wol it allegear net slagje: hjir binne noch in pear needsenario’s. 1. Stjoer in sms út namme fan Sinteklaas. Sjoch op https://smsvandesint.nl/ Ferras in bern of nim ien te fiter!

2. Stek tiid yn de ferpakking en lit it gedicht foar wat it is. Relax! In gesellige jûn is it alderbelangrykste!

3. Meitsje gebrûk fan kant-en-kleare Sinteklazeferskes. Sint hat hjir in pear foar dy makke:

In kadootsje, hiel bysûnder in kadootsje, hiel unyk. Dat woe Sinteklaas foar dy. Dat hy gong foar dy op syk. Hy socht en socht, mar koe neat fine. Oant op in dei sei Sint beslist: dit is ’t kadootsje foar ús (namme) Ik hoopje datst der bliid mei wêze silst.

Foar de aller aller leafste, streekrjocht út it Spaanske sân, naam Sint it moaiste fan it moaiste foar dy mei nei Nederlân. In skip fol kadootsjes, elk in pakje, der is ek ien foar my. Mar dit iene spesjale pakje is dochs echt foar dy.

Yn ’e maitiid bloeie de blomkes, en yn ’e simmer gean wy nei it strân. Yn ’e hjerst falle alle bledsjes, En yn ’e winter? Wa komt dan yn ús lân? It is Sinteklaas! Mei al syn Piten! En nimt er ek wat mei? Ja, hy hat allegear kadootsjes! En dizze is foar dy!

(in boek kado) Oeren kinsto ferdwale, op de bank of op it bêd, ‘letterfretst’ de moaiste boeken en dan noch kinsto net sêd.

Fan ein septimber oant begjin desimber, is Pyt wer hearlik op dreef. Al sil net ien ’t him ferplichtsje mar hy mei graach dichtsje, oer sûkeladeletters, sokken en aftershave.

Ek Sint is sljocht op letters, fral dy út syn tsjokke boek, hy seach dyn favorite titels en kocht se doe temûk. Hy keas spesjaal foar dy – en hopet datst der bliid mei bist –, dit moaie eksimplaar, datst grif mei nocht ek lêze silst!

Mar ta syn grutte frustraasje hat Pyt hjoed gjin ynspiraasje. It is sneu, mar it gedicht is efkes fan ’e baan. Mar gjin noed, want do krijst wol dit kado. En dêr moatst it hjoed mei dwaan. 35


Jierdei fiere tusken de pipernuten en de oaljekoeken yn Tagelyk dyn jierdei ha mei Sinteklaas, de slingers ophingje neist de krystbeam of dyn jierdeitaart oansnije op âld- of nijjiersdei. Hoe kombinearresto in jierdei mei in feestdei? Hoe soargesto derfoar dat dyn bern net in bulte kado’s op ien dei kriget of oerprikkele rekket fan alle feestperikels? Heit&Mem jout tips.

Fier it in healjier earder Fier de jierdei lekker yn de simmer. Elkenien hat dan mear de romte en de tiid om oandacht oan de ‘jarige’ te jaan. Ek de kadootsjes wurde better yn it jier ferspraat.

Sko de feestdei in dei op Hat dyn bern bygelyks tagelyk mei Sinteklaas syn jierdei? Ek it Sinteklaasfeest kinst in dei opskowe. Dan ha se elk dochs noch harren eigen jierdei-dei.

Fier it bernefeestje letter Desimber is foar in protte bern (en âlders) in moanne fan in hiel soad prikkels. Yn jannewaris is it wat rêstiger en in hiele moaie tiid om in bernefeestje te organisearjen.

Heleen: ‘Nei in hiele gesellige earste krystdei by myn famylje thús, kondige ynienen ús âldste jonkje him oan. Op de twadde krystdei is er thús “ûnder” de krystbeam berne. Dûbeld feest!’ 36


Jou dyn bern in leuke dei fuort as jierdeikado Kadootsjes krije bern faak al genôch mei it Sinteklaasfeest en de krystdagen. Wêrom joust dyn bern mei de jierdei net in gesellige dei fuort mei de hiele húshâlding?

Angela: ‘Onze dochter Ella is op tweede kerstdag jarig. En dan vieren we het ook. Met het avondeten heeft ze altijd een “luxe” kerstmaaltijd en volop cadeautjes!’ Jild as kado Lit it bern jild freegje foar syn/har jierdei en keapje dêr yn de simmer moai simmerboartersguod foar. Dan hat hy/sy letter yn it jier ek noch in moai kado.

Oanfoljende kado’s As dyn bern fan Sinteklaas wat fan bygelyks Playmobil, lego of oar konstruksjeboartersguod kriget, en hy is in pear dagen letter jierdei, kinst bygelyks in oanfoljende set jaan. Sa komt it bern net om yn de kado’s en hat er dochs wat leuks dêr’t er mei boartsje kin.

Riemke: ‘Us mantsje is op earste krystdei jierdei. Dit jier wurdt er 4. Wy binne noch altyd oan it sykjen nei in juste ynfolling fan de dei. Ik fyn it mar lestich.’ Jierdeibeam Meitsje fan de krystbeam in jierdeibeam. Jierdeislingers deryn, lytse kadootsjes en miskien wat lekkers?

Echte jierdei Oare minsken wolle noch wolris mei jierdeikadootsjes oankomme yn sinteklaas- of krystpapier of in krystkaart as jierdeikaart opstjoere. Mar hoe leuk is it foar bern om écht jierdei te fieren. Mei jierdeikaartsjes, jierdeigebak en al.

Jitske: ‘Us dochter Femke is op 1 jannewaris berne. Dat is altyd in gesellige nijjiersdei en elkenien is frij!’ 37


Noflike krystdagen en in lokkich nijjier!

Protte sûnens!

Folle lok & seine! Ik winskje dy in waarm krystfeest ta!

In protte lok en leafde yn it nije jier! In goede jierwiksel tawinske!

Fijne, gesellige, moaie, & waarme krystdagen!

In waarme krystgroet! Alles wat winsklik is!

In sûn en leafdefol 2020 tawinske! In segene nijjier tawinske! Wy winskje jimme in noflik fanalles en in lokkich altyd!

&


Wolst it ferhaaltsje ek op de tablet sjen? https://tomke.nl/ tomke-foar-thus/filmkes/ wer-is-de-woarst

Wêr is de woarst? Riemkje Pitstra, yllustraasje Luuk Klazenga Hy moat him gau ferstopje. ‘Tomke!’ ropt Kornelia. ‘De woarst kin yn de snert.’ Tomke sil de woarst pakke. ‘De woarst is fuort!’ ropt Tomke. ‘Hoe kin dat no?’ Se sykje ûnder de tafel. Se sjogge yn de ôffalbak. Se dogge de kuolkast iepen. Mar se fine de woarst net. ‘Ssssst’, flústert Kornelia ynienen. ‘Ik hear wat yn de kast.’ Hiel stil docht se de doar iepen. En wa sit dêr ûnder yn de kast? Mei de woarst? Romke!!! ‘Dogeniet’, seit Kornelia. ‘Dy woarst moat yn de snert. En net yn dyn búk.’

Kornelia makket snert. ‘Ik wol helpe’, seit Tomke. Rikketik, de earten yn de panne. Ploep, de griente deryn. Op it oanrjocht leit in woarst. ‘Eefkes wachtsje’, seit Kornelia. ‘As de snert hast klear is, dan mei de woarst deryn.’ Se rinne de keuken út. Romke trippelt de keuken yn. Snuf, snuf, snuf. Wat rûkt hy dêr? Woarst! Romke is gek op woarst. Hy springt op it oanrjocht. Dêr is de woarst al. Hy sil in hap nimme. Mar dan… heart er Kornelia. Romke wurdt bang.

39


Sille wy tegearre de winter fiere?

& &


Turn static files into dynamic content formats.

Create a flipbook
Issuu converts static files into: digital portfolios, online yearbooks, online catalogs, digital photo albums and more. Sign up and create your flipbook.